image

Slauerhoff yn Oersetting

Mear yn de simmer fan 2016...

Fers2, Hanûkka Edysje, 10 desimber 2015

Dat duorret noch lang. De winter moat noch komme.

Mar wy freegje jo likegoed om klear te sitten. Want net inkeld is dichter Eppie Dam hurd oan it wurk en is poëzij oersetten hast altyd in sisyfosput. Mar ek is, om’t it wurk fan Jan Jacob Slauerhoff net in konkreet en ûndubbelsinnich boadskip bringt, troch de jierren hinne besocht om Slauerhoff by útinoar rinnende kultuerteoryen en literêre fisys yn te liivjen. Fan âldheid en romantysk symbolisme oant realistyske saaklikheid en takomst, en net te ferjitten it ynpassen fan Slauerhoff yn ús Fryske polityk, ommers hy wie dochs in ‘Friez’ne soan’, it ropt altyd wol wat op. Mar as jo by it wurk sels bliuwe? Wat bart der dan? Wy sille de Slauerhoffoersettingen bringe as wurk yn wurding: dan kinne jo it sels sjen. Noch efkes geduld!

Oersetting Eppie Dam, 2015, út Jan Jacob Slauerhoff, Verzamelde gedichten, 2008.

Stjerrebern

Sterrenkind

In stjerrenacht hommels op ierde bedarre,

Troch stowyn jage yn sniedún ferlern,

Houthakkers brochten nei har fiere doarpen

As in bedjippe skat it stjerrebern.

Hja tochten har froulju gelokkich te meitsjen

Omdat syn mantel fan sulver wie,

Mar hja moasten him noedzje en by him weitsje

As wie er in bern dat har skaaimerken hie.

De mantel koene hja nearne slite,

Gjin sulversmid dy’t it foar wier oannaam;

De pryster woe fan gjin fûnlingdoop wite,

Dat heidenbern dat fan ’e moanne kaam.

Gjin timmerman hie him as feint yn ’e rekken,

Dy teare prins mei de macht fan in flie.

De kosters jagen him fuort út ’e tsjerken,

It heidenbern dat stil yn tinzen stie.

En wer op in nacht soe er ferdwine;

It doarp hie al hiel wat ljochtbern minder,

Wylst samar gâns mear stjerren skynden.

It wie sân jier lyn. En opnij winter.

Mear fan Eppie Dam

De ingel Gabrielle en oersettingen fan Joni Mitchell
Autopetsjend jonkje en Op it wettersportfestival
Eucalyptus
Selsportret neffens in foto en Bloeiende eucalyptus bij de hjerst
Hommaazje oan it lansearplak en De fiskers op South Head
Wurkgelegenheid foar de klasseleaze kastes en De takomst
De pûltsjepreek
De wandied en In dagewoane reinbôge
Troch de houtseagersdoarpen
Houthakker yn ’e middei Oersetting fan Noonday Axeman fan Les Murray
1 2 3 4 5