friduwih riemersma image

Opiny

Steatsliteratuerprizesjuerys

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 5.3, 10 febrewaris 2019

Steatsliteratuerprizesjuerys: rôlje dy marris út mei galchke! De Gysbert Japicxpriissjuery, it hifkerstiim foar de priis dy’t it provinsje­bestjoer fan Fryslân útrikt foar bysûndere Frysk-literêre ferstjinsten, bestiet út Atte Jongstra, Houkje Rypstra en Grytsje Schaaf. Se neame dy sjuery in adfyskommisje, sadat jo net ferjitte dat it foar in priis fan de oerheid is. Dy neame saken gauris samar by in oare namme. Fan boargemaster Johanneke Liemburg fan Littenseradiel mocht de Rely Jorritsmapriis net in oanmoedigings­priis hjitte, want it wie in befoarderingspriis: “De Rely Jorritsmapriis is gjin oanmoedigings­priis. It doel fan de priis is it befoarderjen fan it Frysk skriuwen.”Johanneke Liemburg, email oan F. Riemersma, replyk op ‘Graach ynformaasje oer de Rely Jorritsmapriis (net oer de útslach)’, 31 augustus 2017. Befoarderje en oanmoedigje binne synonym—Liemburg is fuort en Fers2 is der noch.

It petear mei Liemburg gie (ek) oer in prizesjuery, want de leden fan ’e sjuery wiene ûnbekend holden. Dat mei bêst, mar jo meitsje jo wol fertocht as oerheid en jo mankearjende transparantens besmet de priis en de belutsen skriuwers. Mei “In ûnôfhinklike sjuery beoardiel[e]t de anonime ynstjoeringen en siket de bêsten derút”Johanneke Liemburg, email oan F. Riemersma, replyk op ‘Graach ynformaasje oer de Rely Jorritsmapriis (net oer de útslach)’, 31 augustus 2017. nimme jo dy fertinking net wei: wêrom neame jo dy sjuery eksplisyt ûnôfhinklik? Binne dy fan oare literêre prizen dan ôfhinklik? Nee wis net. Dat is just wêrom’t de P.C. Hooftprijs—in priis foar in literêr oeuvre, net foar in boek—gjin steatspriis mear is.

Yn 1984 droech de P.C. Hooftsjuery de treflike kollumnist Hugo Brandt Corstius foar, mar CDA-minister fan Kultuer Elco Brinkman woe de priis net oan Brandt Corstius jaan want dy beledige hege politisy. Brinkman doelde op syn partijgenoat Onno Ruding dy’t útsteld hie om it dreger te meitsjen dat boargers in berop dogge op ’e bystânswet. Brandt Corstius skreau: “Alle technieken die bij de Jodenvervolging speelden, zijn nu bij de jacht op de minima te bezichtigen. De joden een ster? De bijstanders een pasje. Ruding is de Eichmann van onze tijd.”DriekOplopers, ‘Hugo Brandt Corstius bedankt!’, Column X, 2 maart 2014 <https://www.columnx.nl/hugo-brandt-corstius-bedankt/> [krigen 6 febrewaris 2019]. Likefolle de frijheid fan mienings­utering en fyftich jier fenomenaal literêr oeuvre, sette it kabinet him efter Brinkman en Brandt Corstius krige de priis net. De sjuery gie ôf. It waard reboelje. Twa jier lang waard de priis net útrikt en yn 1987 kaam der in ûnôfhinklike Stichting P.C. Hooft-prijs; ûn­ôfhinklik sadat sensuer troch de minister fan Kultuer net mear kin. De priis is der foar it poerbêste oeuvre.

Mar ‘goed’ as karstien foar in keunstpriis foar ien objekt, lykas in resint boek, kin net. Ommers as it giet om in literêre priis dy’t net in amateurpriis is—dus net de Rely neffens Liemburg: “Profesjonele skriuwers binne by ús [sic] minsken dy’t mei it Frysk skriuwen har brea fertsjinje. Dy binne der neffens ús [sic] net”Johanneke Liemburg, email oan F. Riemersma, replyk op ‘Graach ynformaasje oer de Rely Jorritsmapriis (net oer de útslach)’, 31 augustus 2017.—mar in folwoeksen priis, dan beheint de lêslist him ta útjûn wurk. Al dat wurk is de útjoupoartwachter foarby, dus al dat wurk is goed. Beleanjen fan in absolút ‘better’ boek is ûnmooglik, namstemear om’t teksten dy’t net yn opdracht mar frij en artistyk skreaun binne, kwa styl (en ynhâld) fier utinoar rinne. De kwestje is dan: hokker kwaliteit wol de priis beleanje? Yn ’e praktyk bepaalt in keunst­sjuery meastal ymplisyt hokker kwaliteit de priis beleanje sil. Dat kin de kwaliteit fryskeigen wêze, of tradisjonalisme, of in nij lûd, of in kritysk boadskip, of dat just net, of brede tagonklikens—yn heechromantyske bewurding dat ‘elkenien him yn de skriuwer werkenne kin’—of, al is it gjin kwaliteit fan it wurk, de (jonge) leeftyd of gender fan de skriuwer , of syn libbenslange trouhertige ynset.

Dus troch strategysk gearstallen fan de sjuery foar syn oerheids­priis, kin in oerheid syn kultuerpolityk bedriuwe. De betingst dêrfoar is dat de oerheid kapabel is om in strategyske sjuery gear te stallen, of immen oan te wizen om dat foar him te dwaan. Foar de Gysbert Japicxpriissjuerygearstallerij koe it provinsjebestjoer altyd in berop dwaan op de provinsjale literatuer­befoarderer, Teake Oppewal, dy’t perfekt by steat is strategyske sjuerys op te stellen. Dy is—nei’t de 2017-sjuery beneamd wie—mei pinsjoen. Dus se sille Bert Looper wol freegje. Dy kin it net sa apodiktysk as Oppewal—Jongstra Rypstra Schaaf outsj!—mar genôch om te bekrêftigjen dat it net in sjuery is, mar in adfyskommisje.

Adfys is in miening of oanrikkemandaasje oer hoe’t in oar hannelje moat, it is ekstern rjochte, op it hanneljen fan in oar. Dat is alles; saakkundigens is suggerearre mar net easke by adfys, lit stean objektiviteit. Lykwols, in keunstpriis foar in keunstobjekt is, gewoanliks en idealiter, in ‘juried competition’. In yndividu of panel dat doelberet sit hat om de prestaasjes fan de kandidaten yn in artistike wedstriid te hifkjen, lykas om in jildpriis of it meidwaan oan in keunstútstalling of in publikaasje, beoardielet de kandidaten har wurk neffens in skreaune list fan evaluaasjepunten of in subjektive rige fan kritearia dy’t gearhingje mei de wedstriid; dat is sjurearjen. Juried competition is yntern rjochte, op it hanneljen fan de sjuery sels. Dat is dus net wat it provinsjebestjoer neistribbet.

Wat de saakkundigens fan de winneroanwizers—sjuerys en adfiseurs—oanbelanget, de Britske oanpak is pro-amateurisme. Se nimme, ek foar de Man-Booker, minsken fan bûten de literêre kaste op yn ’e sjuery, om’t gewoan frisse lêzers weardefol binne foar it komplete oardiel oer de deagewoane lekkere lêsberens. Dêr sit wat yn, mar as dy amateur net the man in the street is, mar aktrise Fiona Shaw, telt dat dan noch as de stim in frisse net-literêre lêzer? En wat fertsjinne dy Shaw mei it sjurearjen? Efkes in sydspoar: de foar it libben beneamde leden fan de Academie Goncourt, dy’t de prix Goncourt útrikke, binne frijwilligers en krije allinne har moanlikse gearkomsten yn it restaurant Drouant fergoede; se binne korrupt en nimme kadootsjes fan de útjouwers oan,John Sutherland, ‘Literary prizes: the jury’s out’, The Guardian, 6 novimber 2006 <https://www.theguardian.com/books/booksblog/2006/nov/06/prizes> [krigen 6 febrewaris 2019]. mar soks hâlde jo net tsjin mei in riant salaris, sjogge wy oan it bankwêzen. It honorarium fan de Gysbertsjuery is geheim, Bert Looper wiist troch nei de provinsje, mar dy woe der yn it ferline leaver net oer prate nettsjinsteande de iepenbierens fan bestjoer, en tinkt der no oer nei.

Celebrities yn in literêre sjuery is in skamteleaze útferkeap oan kommersjalisme, yn de eagen fan de Frânske literêre wrâld. De Goncourtsjuery bestiet út literêre godzilla’s dy’t yn de sjuery bliuwe oant har dea, om de opboude saakkundigens net te fergriemen sa’t dat bart mei jierliks wikseljende sjuerys. Dat jierren­lange ûnderfining in better oardiel jout is gjin wetmjittigens, kin men dêrtsjin ynbringe en faak wurdt de frisheid der wer byhelle as gie it om sjampoo, mar is ûnderfining net op syn minst handich foar de taak fan de sjuery? Want wat moat in sjuery dwaan? By foarkar is er net al te korrupt en profesjoneel, i.e. by steat om mei deselde skerpte en neffens deselde oanpak fyftich (of sa) romans te lêzen yn in meastal te krap tiidsbestek. Mar foar in echte sjuery binne trije dingen ûnmisber.

Earst moat in sjuery syn fyftich literêre analyses goed ferwurdzje kinne op papier en mûnling op de sjuerygearkomsten, wat gâns ûnderfining as redakteur en/of kritikus ûnderstelt. Twad moat er de eigen hiaten yn de objektiviteit kenne en op ’e tiid werkenne en neutralisearje kinne, wat gâns ûnderfining yn <sjoch hjirboppe> en ferantwurdlikens en beskiedenens ûnderstelt. Tred, dy kompetinsjes moatte yn de publike sfear bewiisd wêze yn jierren fan beropsmjittich hanneljen.

Dat is net it gefal by Jongstra Rypstra Schaaf. It liket der sels net op dat it foar de literêre leek lykje moast as hie de sabeare­sjuery in soart fan literêre sjuerykompetinsje.

Aldergelokst is it net dreech om unanym op Aggie van der Meer út te kommen as ûnbestriden Gysbertwinner, mar de gefolgen fan sabearesjuerys binne folle grutter as wat ekstra misbestimming fan iepenbier jild. Nuodlik is it domdryste fertoan fan disrespekt foar de âldnominearren en foar it hiele literêre fjild. De kulturele haadstêd­evaluaasje is der noch net, of se spotte foar de wrâld sichtber mei de keunsten. Nuodliker noch is dat al sa faak wiisd is op it dedain foar keunst yn Fryslân en dat dat net goed is foar it sosjale kapitaal hjirre, mar gjinien harket en der ferbetteret neat. It aldernuodlikst is wol dat der wilens in sjuerytradysje skoepen is fan moai meidwaan en jo snút hâlde, ynstee fan wat al lang bard wie as der echte, ferantwurdlike sjuerys sitten hiene: by temin oan talint en tefolle oan jammerdearlik dilettantisme adfisearje om de Gysbert simpelwei net út te rikken en dat krekt wer dwaan as oer tsien jier it lân wer fatsoenlik kritysk/redaksjonele frucht jout, dêr’t jo sjuerys út gearstalle kinne dy’t jo sjuery neame meie.

Noaten

  1. Johanneke Liemburg, email oan F. Riemersma, replyk op ‘Graach ynformaasje oer de Rely Jorritsmapriis (net oer de útslach)’, 31 augustus 2017.
  2. Johanneke Liemburg, email oan F. Riemersma, replyk op ‘Graach ynformaasje oer de Rely Jorritsmapriis (net oer de útslach)’, 31 augustus 2017.
  3. DriekOplopers, ‘Hugo Brandt Corstius bedankt!’, Column X, 2 maart 2014 <https://www.columnx.nl/hugo-brandt-corstius-bedankt/> [krigen 6 febrewaris 2019].
  4. Johanneke Liemburg, email oan F. Riemersma, replyk op ‘Graach ynformaasje oer de Rely Jorritsmapriis (net oer de útslach)’, 31 augustus 2017.
  5. John Sutherland, ‘Literary prizes: the jury’s out’, The Guardian, 6 novimber 2006 <https://www.theguardian.com/books/booksblog/2006/nov/06/prizes> [krigen 6 febrewaris 2019].

Mear fan Friduwih Riemersma

Njoggen en in heale tip oer drave en date en seks Krekt as wy yn kontakt komme mei in bline reizger falt de koartsichtichheid op dêr’t wy it konsept sense of place mei brûke
De tafel fan Eppie Dam en Gerrit Terpstra ‘Skilderjen is poëzij dy’t mear sjoen as field wurdt en poëzij is skilderjen dat field wurdt ynstee fan sjoen.’
De wearde fan poëzij Shelleys ‘In Ferdigening fan Dichtkeunst’ opnij besjoen
In memoriam Hedzer Oostra It ferhaal fan ús freonskip begjint feitlik trije jier lyn, op sa’n Novembermoarn dy’t troch syn ferfeelsumenshellip;
In ferdigening fan dichtkeunst Hiemsiik fan Elmar Kuiper, as nomaden in tinten teplak fan Sytse Jansma en Brek dyn klank fan Abe de Vries
De kulturele kwestje & hoe dy op te lossen Kultuer, Fryslân, taal, identiteit, bestjoer en selsbewustwêzen foarmje in hieltyd gaoatysker amalgaam dêr’t de yndividuele opiny en de selsferkleare eigen leafde foar Fryslân (en Europa) yn sintraal stean
Mytology menear. Jo witte wol werom It Ensafh-Spesjaalnumer ‘Germanen yn de Fryske literatuer’ jout de lêzer te tinken
Sosjale situaasjes yn de Gysbert-shortlist De longlist foel al op troch it út de wei gean fan extreme reading
Libbje stearleas, rijke tonge! Libbje, Gijsbert! It profesjonele fjild as spil tusken literêre prizen en kultureel kapitaal
Ferlet fan Frysk In Deltaplan foar it Frysk kin net ophâlde nei de paragraaf ûnderwiis. It komt oan op in belied dat soarget foar ferlet fan it Frysk
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15