image eppie dam 'stik foar stik ik'

stik foar stik ik

Eppie Dam - Fers2, nû. 4.19, 2 desimber 2018

in mins hat sân gesichten

in dichter ken se út ’e holle

hij hie leaver íen ha wollen

want se bringe him te praat

de skaden fan syn bloed

ik: stik foar stik

oait fregen se in dichter:

fertel ús wa’sto bist

‘ik bin eppie dam

mar fierder giet it goed’

hjir hinget er dan hjoed

dy’t fan ’e prins tefolle kwea wist

troch god it iepen fjild yn stjoerd

do: adam bisto

in bern socht beskûl yn ’e sleat

beduts syn gesicht as laai sa blau

grien fan skamte om neat

en gie ûnder it mom fan genede

de lange wei fan beton

in man hie sân gesichten

in bakkes, in antlit, in troany

in oanblik, in harsens

in kop fan mahoany, in glim

en allegear ferburgen se him

do: sis it no

in mins krych sân gesichten

it effene, it skuldige

it opstannige, it ûngeduldige

ferheven en ynnimmend

it groeiend besef fan dy glim

se foarmen en feroaren him

no freegje wij in dichter:

fertel ús wa’sto bist

‘ik bin dy en dy

7-dûbel myn portret

en freegje fierder net’

Mear fan Eppie Dam

De ingel Gabrielle en oersettingen fan Joni Mitchell
Autopetsjend jonkje en Op it wettersportfestival
Eucalyptus
Selsportret neffens in foto en Bloeiende eucalyptus bij de hjerst
Hommaazje oan it lansearplak en De fiskers op South Head
Wurkgelegenheid foar de klasseleaze kastes en De takomst
De pûltsjepreek
De wandied en In dagewoane reinbôge
Troch de houtseagersdoarpen
Houthakker yn ’e middei Oersetting fan Noonday Axeman fan Les Murray
1 2 3 4 5