frysk toaniel yn amsterdam image

‘Tsiere, haspelje, iggewearje’

It Fryske toaniellibben yn Amsterdam, 1885-1900 Diel 2. De toanielmasters

Abe de Vries - Fers2 4.19, 2 desimber 2018

Ferieningsbelied wurdt troch minsken makke, op basis fan har eigen oardielen en dy fan de leden. Bestjoerders binne de produsinten fan it ferieningsbelied en harren achtergrûn is dêrom fan belang by it analysearjen fan sosjale prosessen yn it ‘fjild’ dat se bestjoere. Wat kinne wy no noch te witten komme fan de minsken dy’t yn boppesteand oersjoch fan frij turbulinte ûntwikkelingen foarkomme? It docht bliken dat dat noch hiel wat is. Koarte sosjogrammen kinne ús benammen wat fertelle oer sosjale en religieuze achtergrûn, ekonomyske aktiviteiten en famyljerelaasjes. De grutte ûnbekenden bliuwe noch de oprjochters fan it earste selskip Friso; ik nim hast oan dat dy yn de rûnten fan de lettere Friso-bestjoerders socht wurde moatte.

Inisjatyfnimmers

Jan Wopkes de Ruiter (1840-?), foarsitter fan De Frije Fries, wurdt berne yn Snits yn in roomsk fermidden. Syn heit is skipper en letter winkelier. Yn 1873 krijt er de glês-, ierdewurk- en porsleinsaak fan syn heit oer. Hy giet yn jannewaris 1882 fallyt en fertrekt dan nei Amsterdam, dêr’t er in ‘Leesinrichting’ yn de Pijp begjint, ien fan de fjouwer filialen fan de lêsbibliotheek fan it Amsterdamse departemint fan de Maatschappij tot Nut van ‘t Algemeen. Syn foargonger as foarsitter, H.J. Boon Jr., koe ik net mei wissichheid oanwize.

Jan van Kammen (1868-n.1937), in bakkerssoan út Deinum, mei-oprjochter en foarsitter fan Velstra. Oer him bestiet in knipselmap fan it FLMD by Tresoar. Nei in bestean as bakkersfeint yn Ingelum, Frjentsjer en Harns fertrekt er yn augustus 1886 as frijfeint nei Amsterdam.Sjoch ek: ‘Jan van Kammen 70 jaar’, Nieuwsblad van Friesland (19 jannewaris 1938). Hy is dêr letter sels bakker oan it Spaarndammerplein en de Spaarndammerstraat. Yn 1893 trout er mei Sietske Kuiper, dochter fan in boekprintersfeint út Snits. Oan ’e ein fan ’e njoggentiger jierren oppenearret er him ek as Frysk toanielskriuwer. Yn it jierboekje As jimme it lije meije fan Waling Dykstra publisearret er yn 1898 in ienakter, Douwe Kûper’s earste Frijers-avontûr, en it jier dêrnei in blijspul, Hwa bin ik? Baes Hessel of Ritmaster?Jan van Kammen, ‘Douwe Kûper’s earste Fryers-avontûr’, yn: Waling Dykstra, red., As jimme it lije meije 1898 (Eisma, Ljouwert 1898); ib., ‘Hwa bin ik? Baes Hessel of Ritmaster?’, yn: Waling Dykstra, red., As jimme it lije meije 1899 (Eisma, Ljouwert 1899). Ek is er yn 1897 ien fan de oprjochters fan de earste keatsferiening yn Amsterdam, De Keatsebal, en letter foarsitter fan syn opfolger De sulveren bal.‘Kaatsen’, De Telegraaf (31 maart 1897): ‘Door eenige Friezen, afkomstig uit den kaatshoek van Friesland, is te Amsterdam eene kaatsvereeniging opgericht, onder den naam „De Kaetsebal”, die aanvankelijk 24 leden telt.’

Jan Pieters de Vries (1848-n.1922), mei-oprjochter en foarsitter fan Velstra, earste siktaris fan Friso, oprjochter fan it selskip Sljucht en Rjucht, toanielskriuwer, fan berop keapman, lit syn namme âlderwets skriuwe as Jan Pzn. de Vries. Ik haw him net yn de digitale Amsterdamse befolkingsregisters oantroffen en yn lettere publikaasjes oer Frysk toaniel wurdt er ek net neamd. Fryske registers wize út dat er yn 1874 trout mei de Drachtster Grietje Kijlstra (1848-f. 1900). Syn heit wie feanbaas yn Terwispel. De húshâlding wennet yn de santiger en tachtiger jierren op it Hearrenfean, hy is dan ‘tabakskerver’, ‘tabaksfabrikant’, ‘koopman’ en ‘handelsagent’. Fan 1889 ôf is Ljouwert it domisily, dêr is er ‘koopman in sigaren’, ‘depothouder’ en letter ‘zonder beroep’.

De Vries en húshâlding wurde op 15 jannewaris 1893 útskreaun nei Amsterdam. Yn 1894 adfertearret er as Wâldpyk mei ‘Duinzand-Aardappelen, 1e qualiteit, uit Zandvoort’. Yn 1896 neamt er himsels ‘agent in gedistilleerd’ en biedt er te keap oan in ‘tapperij en slijterij’. Yn 1898 en 1899 lit er sechstjin nûmers ferskine fan it wykblêd De Friesche Echo.De Friesche echo: nieuws- en advertentieblad: speciaal ten behoeve der Friezen in Amsterdam en andere plaatsen (Amsterdam 1898 -1899). Jan Jelles Hof hat der in gedicht oer skreaun: ‘Oan “De Friesche Echo”’, Friesch Volksblad (23 oktober 1898). Sjoch: ‘Stadsnieuws’, De Tijd (4 oktober 1898): ‘Zaterdag [1 oktober] is hier ter stede het eerste nummer verschenen van De Friesche Echo, nieuws- en advertentieblad speciaal ten behoeven der Friezen in Amsterdam en andere plaatsen. Volgens het nieuwe orgaan zijn er in Amsterdam 40.000 Friezen woonachtig.’ It blêd wol ‘geheel neutraal’ wêze, al wurdt net dúdlik yn watfoar kwestjes krekt. Yn 1901 is er ‘koopman’ (foar it houlik fan syn soan Louis dat jier wegeret er syn tastimming), yn 1911 ‘winkelier’, yn 1913 ‘koffiehuishouder’. In omkesizzer is yn de tweintiger jierren eigner fan hotel Rembrandt (hoek Rembrandtplein/Utrechtsestraat) en dêrnei fan hotel-café-restaurant Het Gouden Hoofd (Rembrandtplein).

It liket derop dat syn hân ek sit achter de oprjochting fan it al neamde Frysk sjongkoar, it Sang-Selskip Frisia, ‘feriening for de bioefening fen de Fryske sang’. Dat barde op 20 desimber 1898 teminsten op in troch de redaksje fan De Friesche Echo útskreaune gearkomste. ‘Een dertig- à veertigtal dames en heeren meldden zich reeds als lid aan.’ Siktaris fan de nije feriening is de ierdappelkeapman E.J. Bakker.‘Stadsnieuws’, Het Nieuws van den Dag (23 desimber 1898).

Ype Reinders Hamming (1858-1911), mei-oprjochter en skriuwer fan Velstra, skriuwer fan Friso, is in roomske mûnderssoan út Wytmarsum. Syn heit is nei 1872 grutter te Balk. Hamming fertrekt yn 1881 nei Mijdrecht en yn 1885 nei Amsterdam, wennet dêr yn De Pijp oan ûnder mear de Albert Cuypstrjitte en letter oan de Ceintuurbaan. Hy trout (1889) mei Hylkje de Groot, doopsgesind timmermansdochter út De Gordyk út in hûshâlding dy’t yn 1880 nei Amsterdam fertrok. Syn berop is klerk by de ryksbelêstingen, letter (yn 1907) ferstjintwurdiger fan de Ond. Brandwaarborgmij. ‘Neerlandia’ te Scheveningen. Pieter Andries Smidt, dy’t wy fierderop tsjinkomme sille, is syn sweager. Hamming is ek aktyf as bestjoerslid fan de Amsterdamske iisferiening De Wetering. Fan him is in brief dd. 23 septimber 1887 bewarre bleaun oan Waling Dykstra, skreaun út namme fan it ‘Genootschap Friso’ (de feriening fan 1884 dy’t dan blykber noch op papier bestiet).

Cornelis Martens Koopal (1820-1904), mei-oprjochter fan it twadde Friso yn 1897, is hannelsreizger en keapman yn rêst. Hy wie ien fan de mearke- en sêgesamlers fan it Frysk Selskip yn de fyftiger jierren. Yn 1891 wurdt er mei syn frou Catharina Stöcker yn Amsterdam ynskreaun, se komme út Helmond wei. Brieven fan Koopal oan Waling Dykstra út de perioade 1897-1904 wurde by Tresoar bewarre.

Schelte Albertus Minderts Smidt (1859, Amsterdam-?), skathâlder fan Friso, wurdt neamd as ‘kantoorbediende’ en is neffens it befolkingsregister in yn Amsterdam berne broer fan Pieter Andries Smidt (sjoch fierderop). Syn foarnammen ferwize nei de famylje Bokma de Boer. De bruorren Smidt binne soannen fan de Ljouwerter boekbiner Mindert Smidt, in kastleinssoan dy’t him mei syn húshâlding al yn de fyftiger jierren nei Amsterdam te wenjen set.De húshâlding fan Mindert is op 18 maaie 1852 fertrokken nei Amsterdam. Mindert Smidt is in soan fan Hiltje Bokma de Boer (1803-1871), in âldere healsuster fan dûmny Albertus Minderts Bokma de Boer (1816-1904) út de bekende Ljouwerter fabrikantefamylje.Sjoch foar de genealogy fan de famylje: W.J. Bokma de Boer, ‘Bokma de Boer’, Genealogysk Jierboekje 393 (1970) 51-58.

Pieter Andries Smidt (1850-1925), út Ljouwert, lid fan de kommisje foar de fiering fan Waling Dykstra syn jierdei, is as boekbiner út ein set en is lange jierren amanuensis fan de Universiteits-Bibliotheek oan de Singel 421, dêr’t er ek wennet.Oer syn fjirtichjierrich jubileum by de bibleteek: ‘P.A. Smidt’, Algemeen Handelsblad (7 maaie 1918). Hy is troud mei de doopsgesinde Ytsje de Groot út De Gordyk, suster fan de earder neamde Hylkje Hamming-de Groot. Harren broer Jelle Sytzes de Groot (1864-?) fertrekt yn desimber 1892 nei Transvaal en komt dêr mooglik om it libben.Bevolkingsregister Amsterdam; Overgenomen Delen 1892-1920: NL-SAA-29089525. Pieter Andries Smidt en syn frou Ytsje de Groot nimme yn 1896 in bern oan dat se de namme Jelle Sijtze (Smidt) jouwe. Dy trout yn 1927 mei Gesina Maria Frankema. Bevolkingsregister Amsterdam; Huwelijk Sloterdijk Reg. S4 fol. 48. Fan 1911-1913 wennet de lettere skriuwster Cissy van Marxveldt (Setske de Haan, 1889-1948) by Smidt yn. Monica Soeting skriuwt yn har biografy: ‘Op het Singel had Setske het niet prettig gehad, zo blijkt uit haar brieven naar huis uit deze tijd. Het eten was slecht geweest, ze had voortdurend kou geleden en iedereen hield er bekrompen opvattingen over het leven op na.’Monica Soeting, Cissy van Marxveldt: een biografie (Groningen: Rijksuniversiteit Gronigen, 2017) 142. Beskikber op <http://slidegur.com/doc/9946355/cissy-van-marxveldt-soeting--monica>.

Bartel Jonker (1842-1913), foarsitter fan Friso, tapper en sliter yn De Pijp en letter commissionair en makelder yn meubilêr, komme wy fan 1884 ôf yn Amsterdam tsjin. Foar’t er nei Amsterdam tôge, wie er in skoft fotograaf yn Assen. Hy hat trije kear troud west, it lêste houlik (1886) mei Hiltje Jonker-Smidt (1847-1925), in suster fan Pieter Andries en Schelte Albertus Smidt. Barteld is mennist, syn frou herfoarme. Syn pake fan memmekant wie de menniste-lekepreker Uilke Reitzes Dijkstra (1755-1823), bakker te Moarmerwâlde en Dantumawâld.Sjoch ek de resinsje fan ‘Lijkrede op Uilke Reitzes Dijkstra. Uitgesproken door J. Kuiper, op den 9 Maart 1823, in de Kerk der Doopsgezinden te Dantumawoude. Te Leeuwarden, bij J. Proost’, Vaderlandsche Letteroefeningen 1823, 409. Ien fan syn muoikes hie troud west mei de heit fan Uilke Klazes Koopmans, de doperske stifter fan de Koopmans Meelfabrieken yn Ljouwert. Tetje Jonker (1865-?) út Moarmerwâlde, Amsterdams toanielspylster en de frou fan akteur Wibren Duim, is in omkesizzer fan Bartel Jonker. Har heit Uilke Jonker hie kastlein west yn Drachten, Dantumawâld en Moarmerwâlde.

En dan noch de hûsskilder en bekend akteur Wibren Duim (1862-1954) fan De Lemmer. Duim, in kuperssoan, giet yn 1884 nei Amsterdam,Bevolkingsregister Amsterdam 1874-1893: NL-SAA-27555868. Suurenbroek en Schrover jouwe 1882 as it jier dat Duim ferhuze nei Amsterdam. Frank Suurenbroek en Marlou Schrover, ‘A separate language, a separate identity? Organisations of Frisian migrants in Amsterdam in the late nineteenth and early twentieth centuries’ Journal of Ethnic and Migration Studies 31:5 (2005) 991-1005, 1000. <https://openaccess.leidenuniv.nl/bitstream/handle/1887/13893/schroverSuurenbroekJEMS_Redacted.pdf?sequence=1> [krigen 1 desimber 2018]. dêr’t er fjouwer jier letter trout mei Tetsje Jonker. Duim ûntjout him al gau ta ien fan de ferneamdste Fryske akteurs. Dochter Francina trout letter mei Jacob Winkelman (1892-1952), yn de tritiger jierren lieder fan it Frysk Bûtenboun en in tal jierren redakteur fan It Heitelân. Yn 1922 jout It Heitelân yn mar leafst trije stikken omtinken oan Duim syn karriêre. Dêryn treft jin in opfallende passaazje oer it iere Frysk-Amsterdamske toanielliben. Yn in fraachpetearke mei Rudolf Canne, sels toanielskriuwer en fan 1903 ôf bestjoerslid fan Friso, hellet Duim oantinkens op:

Oan ’86 ta wier ’t net folle oars as ris by in gelegenheid in stikje sjonge as foardrage. Mar yn ’86 rekke ik oan ‘e slach. Do wier hjir yn Amsterdam in Frysk selskip, dat nei de gewoante fen dy dagen in Hollânsk foarstik en in Frysk neistikje spile.”

„Hwet hat jou debút den west?”

„In rol yn “Goede voornemens” en as neistikje hiene wy “De Utdragerswinkel”. Dêr spile ik yn as Wiggele. By in lettere gelegenheid spilen wy “Stille Jan” en as neistikje” … “Solke mei de bargefoetten”. (..) Fen dy opfiering hat in stikje yn de “Amsterdamsche Courant” stien.” (..)

„Nou, en do fierder?”

„Fierder, sizze jy. – Ja, it âlde gedoch, dat jimmer nij bliuwt: tsiere, haspelje, iggewearje fen ien selskip twa meitsje. Ik haw de lju stil tsiere litten en fen ’88 ont ’98 kaem ik for ’t Frysk net op ’e planken.”R.W. Canne, ‘Wiebren Duim’, It Heitelân (1922) 110-111, 110.

Ut it oersjoch blykt dat de measte bestjoerders frijsinnich herfoarme, mennist of rooms binne, en middenstânsberoppen hawwe, men is bakker, skilder, klerk, amanuensis, boekhanneler, en trije binne keapman. Jonker en Smidt hawwe kastleins yn ’e famylje. Net ien is fan boerekomôf, wat yn it each rint sjoen it feit dat der ûnder de Fryske immigranten yn Amsterdam in protte plattelânslju sitten hawwe moatte. Ek sitte der lju út fiskers- en farrenshúshâldingen tusken; twa bestjoersleden dy’t ik net neamd ha (seeman Feye Jaski en krûdenier Melle Fenenga, beide fan Velstra)Yn 1900 nimt Velstra ôfskied fan bestjoerslid F. Jaski [Feye Jaski (1865–1906), boekhâlder, kaam fan Skier], dy’t fjouwer jier bestjoerslid west hat. Jaski krijt in gouden eareteken op ’t boarst spjelde. Sljucht en Rjucht 4-9 (31 maart 1900) 68. Bestjoerslid M. Fenenga fan Velstra [Melle Fenenga (1849-1920)] wie krûdenier en kaam ek fan Skier. hawwe in achtergrûn op Skier. Fierder rint yn it each dat Jonker, Duim, Smidt en Hamming troch famyljebannen bûn binne; dêrby binne de Smidts ek besibbe oan de liberaal-frijsinnige Ljouwerter fabrikantefamylje Bokma de Boer.

Spanningsfjilden yn it selskipslibben

Al mei al binne yn Amsterdam yn fyftjin jier tiid troch fjouwer selskippen op syn minst 33 ûnderskate toanielstikken yn totaal op syn minst 36 kear opfierd. Mear as ien stik waard spile fan Tsjeard Velstra (6), Waling Dykstra (5), Hessel van der Zee (3), Tsjibbe Gearts van der Meulen (2) en Jan Pieters de Vries (2). Twa stikken fan Dykstra en ien stik fan De Vries binne twa kear opfierd. De opfieringen falle yn twa perioades: 1885-1888 en 1895-1900, mei stille jierren dêr tuskenyn doe’t de ekonomyske krisis op syn skerpst wie.

Yn beide perioades wurdt neist in besteand selskip in nij selskip oprjochte, wat wize kin op konfliktearjende fizys, stratezjy of ambysjes ûnder de bestjoerlike selskipselite. Polityk sjoen sil men de liberale kant it neist west hawwe; fan konfesjonele lûden is neat te fernimmen. Dêr sil it skeel net lein hawwe. De minsken fan de Ofskieding, it Reveil en de Doleânsje hâlden har meast bûten it Fryske selskipslibben mei syn fertier en fermeits, al sille der ek fiskers en oare seelju út de Fryske havenstêden en fan de eilannen lid west hawwe. Wat wienen dan de stroffelstiennen?

Yn de earste tiid, dy fan Friso en De Frije Fries, waarden net inkeld Fryske mar ek Nederlânsktalige toanielstikken foarbrocht. Fan de 29 spile stikken tusken 1885 en 1900 wiene fiif Nederlânsktalich, en dy binne alle fiif foar 1889 spile. Ut de ‘playlist’ fan de ferieningen blykt dat op jûnen fan Friso meast in grutter Frysk- en in lytser Nederlânsktalich stik opfierd waard, wylst dat by De Frije Fries krekt oarsom wie. Neffens Wibren Duim soe in ‘Hôllansk foarstik en in Frysk neistikje’ ‘nei de gewoante fan dy dagen’ west hawwe. Dat wie yn Fryslân yn de sechstiger en santiger jierren ek faak sa, mar mar begjin tachtiger jierren hiene toanielkeamers Thalia yn Grou en Gysbert Japix yn Ljouwert dêr mei it súkses fan Oebele Glûper en, yn mindere mjitte, Giet it sa? – it iene fan Waling Dykstra en it oare troch him útjûn – in ein oan makke. Wat dat oanbelanget sette De Frije Fries dêr’t Duim by spile de klok werom. It earste Nederlânsktalige stik fan De Frije Fries wie fan Johannes Baarda, de liberale skriuwer út Damwâld – ek it berteplak fan Duims oansteande frou Tetsje Jonker. Soe Duim yn dat stik net meispile hawwe?

Yn de twadde perioade, fan Velstra, Friso en Sljucht en Rjucht, waard gjin Nederlânsktalich wurk mear spile. Dêryn – yn it kreëarjen fan in autonoom Frysktalich fjild foar toaniel – rûn Velstra foarop as men it spylprogramma ferliket mei dat fan bekende toanielferieningen yn Fryslân yn deselde perioade. Bygelyks mei Harmonie fan Boazum en Halbertsma fan Stiens. Beide ferienings spilen sawol Nederlânske as Fryske stikken. Tusken 1885 en 1900 kaam Harmonie mei 41 stikken op ’e planken, wêrfan ’t trettjin Nederlânsktalich wiene. Fan de 32 toanieljûnen fan de feriening wiene der alve folslein Frysktalich. Halbertsma spile wat minder stikken, 31 stiks, wêrfan alve Nederlânsktalich. It die dat op achttjin jûnen, wêrfan seis folslein Frysktalich. By Harmonie wie in Nederlânsktalich stik fjouwer kear it iepeningsstik op it programma, by Halbertsma fiif kear. De sifers dy’t ik jou binne neffens opjeften yn de Leeuwarder Courant; yn werklikheid sille der in pear mear opfieringen west hawwe.

De stikken dêr’t Velstra mei kaam wienen trochstreeks wol hast tweintich jier âld. It nijste stik wie fan de foarsitter sels, Jan van Kammen. Friso die it mei trochstreeks santjin jier âlde stikken net folle better, mar brocht wol trije kear in nij stik op ’e planken (twa fan Jan Pieters de Vries en ien fan Willem Vrijburg). Sljucht en Rjucht hat yn 1899 twa stikken spile, dêr’t ien nij fan wie (fan Jabik van der Tol). Aldere skriuwers as Tsjeard Velstra en Bonne Sjoukes Hylkema komme wy ek in protte tsjin by it al mear neamde Ljouwter Toaniel Selskip, fan 1881 ôf aktyf as Ljouwerter kritetoaniel. Yn dy perioade fierde it LTS neffens in opjefte fan Sybe Douwes de Jong njoggentich stikken en stikjes op, dêrby wienen fierrewei de measten, 35 stiks, fan Tsjeard Velstra, en mar fiif fan Waling Dykstra.S.D. de Jong, ‘Ljouwter Toaniel Selskip 1881-1931’, Leeuwarder Courant (21 febrewaris 1931). In ferskil mei de Amsterdamske programmearring is dus wol dat de sosjaal-kritysker Dykstra hjir like populêr wie as Velstra.

Fan politike of religieuze tsjinstellingen of konflikten yn it Frysk-Amsterdamse toanielwrâldsje falt neat te bespeuren. De mieningsferskillen ûnder de bestjoerders, foarsafier’t dy ôf te lêzen binne oan har te trasearjen besluten, sille yn it begjin benammen te krijen hân hawwe mei de taal fan de te spyljen stikken. In reden om net inkeld Frysk mar ek Nederlânsktalich wurk te bringen, kin lein hawwe yn de tradysje fan meartalige toanieljûnen yn Fryslân, mar ek kin in te min oan (langere of kwalitatyf foldwaande) Frysktalige stikken meispile hawwe. Leaver Nederlânsktalich spylje as Frysk yn in minder stik (De Frije Fries). Oaren sille soks sjoen hawwe as feralgemienisearring en ‘ûntfrysking’ fan de feriening en dus as ûnwinsklik (Friso). Beide kampen waarden ynhelle troch de ekonomyske krisis: it entûsjasme foar toaniel wie fierhinne ferdwûn noch foar’t de taalkwesty ta in útdragene saak komme koe.

Nei seis jier stilte, as der opnij in Fryske feriening oprjochte wurdt, wie fan in taalkwestje gjin praat mear. It ‘Fryske’ kamp hie blykber it pleit wûn. Der waard no inkeld noch mar Frykstalich wurk brocht. It selskip Velstra, mei Jan Pieters de Vries, Jan van Kammen en Ype Hamming yn it bestjoer, wie ferantwurdlik foar de koertswiziging. Wibren Duim en Tetsje Jonker dienen oan dat selskip net mei, oft dat mei de taalkwestje te krijen hie haw ik gjin oanwizingen foar oantroffen, mar opfallend is it wol.

Men spile by Velstra in protte stikken fan de beskermhear himsels, mar ek âlder wurk fan Waling Dykstra en Hessel van der Zee. It measte wat op ’e planken brocht waard is letter wol karakterisearre as ‘falsk-sentiminteel’, swart-wyt, skematysk en oerflakkich – sjoch bygelyks it sterk karmasterjende algemiene oersjoch oer Frysk folkstoaniel fan Ype Poortinga.Ype Poortinga, It Fryske folkstoaniel, 1860-1930 (Van Gorcum & Co., Assen 1940). Likegoed lutsen de opfieringen neffens kranteberjochten hopen publyk en wie it entûsjasme hieltyd grut. De folslein Frysktalige toanieljûnen wiene foar kranten as it Algemeen Handelsblad en Het Nieuws van den Dag ek reden om der suver alle kearen trou in pear alinea’s oan te besteegjen, gauris mei Fryske sitaten en faker as ien kear sels folslein Frysktalich. Sa hat it Fryske toaniellibben yn Amsterdam dochs ek in bytsje mei it byld foarme dat de Nederlânske krantelêzers fan Friezen foarhâlden waard.

De oprjochting fan Friso yn 1897 en Sljucht en Rjucht yn 1899 liket foar in part ferklearre wurde te kinnen út in begjinnend ferlet fan nijere, eigentiidske toanielstikken. It entûsjasme dêr’t Falske frjeunen mei ûnthelle waard, yn Amsterdam en Haarlem, wiist dêr wol op en ek it gegeven dat der yn Amsterdam yn 1898 en 1899 samar fjouwer nije stikken spile waarden. It brekpunt leit yn de simmer fan 1897, nei de opfiering yn april fan twa âlde stikken fan Hessel van der Zee, en mei it safolste stik fan Tsjeard Velstra op it programma yn it foarútsjoch. Neffens F. van Dam hie de oprjochting fan Friso te krijen mei nij élan nei de Halbertsma-betinking yn Grou fan 8 oktober, mar dat hat dochs wat fan in ferlechje. Ien en oar liket earder it wurk achter de skermen fan Jan Pieters de Vries. Dy blykt fan 1894 ôf oant 1900 achter de skermen de belangrykste dynamyske faktor west te hawwen yn it Fryske kulturele libben yn Amsterdam.

Spitigernôch kenne wy de ynhâld fan syn net bewarre bleaune Falske frjeunen allinnich út in ferslach yn de Leeuwarder Courant en fan dizze koarte werjefte fan J.B. Schepers:

Nou earst it stik: de drank spilet deryn de greate, mar net de moaie rol, en de knoop wirdt troch in handige set fen de skriuwer lein yn ’e herberge; by dy gelegenheid, as de falske frjeon der allinne oan it wurk is, ken men in spjelde yn ’e seal fallen hearre.

Ik ha se letter gûlen sjoen sjûn de froulju, as de oare, de held fen it stik, der yn ’e gefangenis sit, en hwet wiernen se bliid do ’t dochs noch goed ouroun.‘Kunst’, Leeuwarder Courant (2 novimber 1898). In langere werjefte fan it stik jout A.B., ‘Friezen te Amsterdam’, Leeuwarder Courant (24 jannewaris 1898).

Kafeelibben, drank, misdied en bedroch, finzenis, goed en ferkeard – it stik hat in betiid foarbyld west fan wat Poortinga neamt it ‘ûnthâlderstoaniel’, dat yn Fryslân krekt sterk opkomme sil mei Yme Schuitmaker syn earste stik Krystjoun út 1902.Ype Poortinga, It Fryske folkstoaniel, 1860-1930 (Van Gorcum & Co., Assen 1940) 130-135. Ek de stipe fan Schepers en Selskipsfeteraan Koopal oan De Vries en syn wurk wiist op syn talint en betsjutting as begjinnend skriuwer.

By Velstra hie behalve De Vries ek mei-oprjochter Jan van Kammen aspiraasjes as toanielskriuwer. Van Kammen syn earste klucht is yn 1898 troch Velstra ek opfierd. Ek hjir kin konfliktstof lein hawwe, in botsing fan persoanlike belangen of útinoar rinnende oardielen. Wat de kombinaasje fan Frysksinnigens en Nederlânsk nasjonalisme oanbelanget, sille beide ferieningen net folle ferskild hawwe. Fan beide ferieningen spruts de foarsitter yn 1899 op in toanieljûn sympatyk oer de belegere ‘landgenooten’ yn Transvaal. En beide ferieningen kollektearren op harren toanieljûn foar Reade Krús-help oan de Boeren.

De Vries hat ek in skoft lang de stipe hân fan in belangryk frijsinnich-liberaal en dopersk netwurk ûnder Friezen yn Amsterdam, dat him foar in part beweechde om de famyljes De Groot, Smidt, Hamming en Jonker hinne. Dêr wie it twadde Friso it risseltaat fan. Syn wurk betsjutte in besykjen ta ferdjipping, of syn minst eigentiids engaazjemint, al sille der ek persoanlike ambysjes yn it spul west hawwe. De saak bruts lykwols op ’e nij doe’t bliken dien hie dat ek it nije Friso syn taflecht naam, of nimme moast, ta fjirtich jier âlde stikken fan Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen.

Doe’t it ein 1899 tiid wie foar in nij stik, hienen De Vries en syn meistanners yn de nije feriening Sljucht en Rjucht al keazen foar In mislokte útfenûzery fan Jakob van der Tol, wylst Friso mei Bartel Jonker oan it roer suver tagelyk Griet fen Nijehoarne fan Willem Vrijburg op ’e planken brocht. Dat lêste stik wie op it each nij mar it wie in ferfrysking fan Justus van Maurik syn bekende Pakketten voor dames, dat al yn 1885 yn Amsterdam opfierd wie.

Al gau dêrnei ferdwûnen sawol it selskip Sljucht en Rjucht as syn foaroanman Jan Pieters de Vries fan it toaniel. De Vries rekke deilis mei syn soan Louis, dy’t sûnder syn tastimming yn Arnhim troude. Doe’t yn 1900 de leden weromkearden nei Friso, dat yn dat jier Bartel Jonker ôfgean seach en ûnder foarsitterskip kaam fan Wibren Duim, luts er him – sa te sjen – werom út toaniellibben. Friso fierde fan 1901 ôf ‘Sljucht en Rjucht’ as ‘kenspreuk’.

De taal- en artistike kwestjes

Sa’t Suurenbroek (2000) sjen litten hat, is in grut part fan it súkses fan Fryske ferieningen yn Amsterdam te ferklearjen út it ferlet by Fryske ynkommelingen fan omgong mei oare Frysktaligen, al wie it organisearjen fan toaniel troch de bestjoerselite net inkeld bedoeld as foarstadium fan dûnspartijen. De ferieningen strukturearren de Fryske mienskip, makken him om it moadieus te sizzen, op it foarste plak troch middel fan it fersprieden fan de taal. It Frysk toaniel funksjonearre fan it begjin ôf mei opset sin en statutêr as identiteitsmasine foar minsken dy’t har derfan bewust wiene dat se wol har eigen lân achterlitten hiene, mar net har taal en folk. Dat men it Frysk yn ’e frjemdte op nivo hearre en prate koe wie har in leaf ding wurdich.

It earste begjinnen fan it Fryske ferieningslibben yn Amsterdam gie út fan liberale Friezen mei in foarleafde foar it stikelich realisme fan Waling Dykstra en Oebele Stellingwerf. It toaniel kaam fan ’e grûn doe’t Dykstra foar in Winterjounenocht-optreden boekt wurde soe en yn desimber 1884 Friso oprjochte waard. Dy feriening sette út ein mei tradisjoneel meartalich Frysk-Nederlânsk toaniel, sa’t dat yn Fryslân doe in protte beoefene waard. Meastal waard in grutter Frysk foarstik en in koarter Nederlânsktalich neistik opfierd.

Mei in opfiering fan Oebele Glûper yn it foarútsjoch spjalte de boel lykwols. Wierskynlik lei him dat net sasear oan it stik sels – wol wie it fanwege syn spotternij mei de ‘tale Kanaäns’ kontroversjeel yn rûnten fan ortodoksere protestanten – as wol oan de kwesty fan de fiertaal fan it toaniel yn it algemien en mooglik ek oan persoanlike belangen. By Friso wie it Frysk dominant, de nije feriening lei it swiertepunt by it Nederlânsk. Wylst Friso al gau wurkje woe yn de geast fan it Fryske kritetoaniel en de fersprieding fan it Frysk as heechste doel hie, sleat De Frije Fries oan by in populêre rederikerstradysje yn it heitelân dy’t it Nederlânsk noch gauris foarop sette. De Frije Fries gie dêrmei tsjin de trend yn Fryslân yn, dêr’t al fan 1883 ôf de Fryske toanieltaal mear brûkt waard as de Nederlânske.

Nij Fryks-kultureel libben, nei de stilstân yn de tsjusterste jierren fan de ekonomyske krisis, mei men al in bytsje ôflêze oan de adfertinsje út 1893 wêryn’t it idee foar in ‘Heeren-sociëteit voor Friezen’ yn de haadstêd oppere waard. Yn febrewaris fan dat jier wie keapman Jan Pieters de Vries út Ljouwert wei oanspield; mooglik kaam de oprop fan him.Jan Pieters de Vries hat yn de jierren foar de Earste Wrâldoarloch in bestean as kafeehâlder earne yn Amsterdam. Yn de Fryske skriftekennisse en bûtenbûnliteratuer is oant de dei fan hjoed gjin spoar fan him te bekennen. Net ien neamt dizze pionier, dy’t direkt en yndirekt de oanstjit jûn hat ta trije Fryske selskippen, in sjongferiening én in wykblêd om utens. Syn toanielstikken binne weiwurden. It lêste libbensteken joech er mei it ûnderskriuwen fan de houliksakte fan syn dochter Ynskje yn 1923, deselde dy’t op achtjierrige leeftyd meispile hie yn Falske frjeunen. Wannear’t er stoarn is, nimmen dy’t it wit. In jier letter kaam it yn Amsterdam yn it sok fan it fyftichjierrich jubileum fan it Frysk Selskip en Waling Dykstra syn ferneamd wurden alarmearjende feestrede ta de oprjochting fan it toanielselskip Velstra, dat dalik yn de winter fan 1894-’95 al begûn mei rippetearen. As krite-selskip waard by Velstra de wenstige meartaligens ynruile foar inkeld Frysk en it befoarderjen fan de Fryske taal fêstlein as de wichtichste doelstelling. Ek de folgjende ôfspjalting, it twadde Amsterdamske selskip mei de namme Friso, wie in krite-selskip en fierde gjin Nederlânsktalige stikken mear op.

Velstra en Friso wienen de earste Fryske krite-selskippen bûten Fryslân. Yn Amsterdam wie nei de krisisjierren in nije communis opinio oer de fiertaal op toaniel ûntstien: der soene inkeld noch mar Frysktalige stikken opfierd wurde. Bourdieu soe sizze dat der in autonoom Frysktalich fjild kreëarre wie. Hjiroan is de tanimmende nasjonalisearring fan de Frysktalige bestjoerselite te fernimmen, dy’t de twatalige Fryske achterban no dúdlik in it Nederlânsk útslutend program bea. Ek it werhelle omtinken yn 1899 foar de Boeren yn Transvaal tsjut dêr op. Yn ’e rin fan ’e njoggentiger jierren en ek earder al wiene dêr frijwat Friezen hinne tôge en resintelik wiene dêr sels twa Fryske kollega-kriten om utens oprjochte. De solidariteit mei de Boeren gie hân yn hân mei wurdearring foar Frysk-folkloristyske ferskynsels as earizers en dito reewilligens fan de froulike leden om se ek en plein publique werklik te dragen.

Krekt mei de ôfspjalting fan toanielferiening Friso fan Velstra yn 1897 kaam neist it populêre en subnasjonale ek it artistike kritearium wer dúdliker nei foarren as belangrike dynamyske faktor yn in bestjoersbelied dat him rjochte op nijere toanielstikken. Wie earst de autonomy fan it Frysktalich toaniel beskrept, no giene de kwaliteitseasken omheech. De sentimintele stikken nei de liberaal-stedske smaak fan it Ljouwerter Toaniel Selskip, sa’t Tsjeard Velstra der hopen skreau, foldienen minder, en datselde gau de sljuchte en rjuchte doarpskommeedzjes fan Waling Dykstra.

It liket derop dat de rop om in koertsferoaring yn it Frysk folkstoaniel nei eigentiidse en sosjaal relevantere stikken al earder en dúdliker klonk yn Amsterdam as yn Fryslân sels. Behalve it súkses fan Falske frjeunen binne der wol mear oanwizingen foar. Foeke Buitenrust Hettema en J.B. Schepers hâlden foar de leden fan Friso en Sljucht en Rjucht ferdjipjende lêzingen oer Fryslân en Fryske literatuer yn 1897 en 1899. As earste fan in nije lichting toanielskriuwers kin, nei Jan Pieters de Vries, Jabik van der Tol jilde. Syn earste toanielstik wie yn 1899 in jier nei ferskinen noch mar trije kear yn Fryslân opfierd doe’t it yn Amsterdam op ’e planken brocht waard.Neffens adfertinsjes yn de Leeuwarder Courant op 27 novimber 1898 yn Dronryp en Winsum, en op 22 maart 1899 Menaam. Op 17 desimber 1899 waard it opfierd yn Boazum. De twa grutte nije toanielskriuwers Schuijtmaker en Canne tsjinnen har krekt nei 1900 oan.

Amsterdam as Fryske avant garde dus? Dat is oerdreaun, en fan werklik modernisme wie yn it toanieloanbod noait sprake, mar it is likegoed nijsgjirrich dat Fryske literatuer yn syn kwaliteit fan aktuele sosjaal-realistyske poadiumkeunst yn Amsterdam in betide ympuls krige oan ’e ein fan de ieu.

Hjir stiet Diel 1. De ferieningen

  • Hjir is in oersjoch fan de spile stikken yn Amsterdam, 1885-1900, te finen.
  • Hjir stean de spyllisten fan ‘Harmonie’ fan Boazum en ‘Halbertsma’ fan Stiens, 1885-1900.

Noaten

  1. Sjoch ek: ‘Jan van Kammen 70 jaar’, Nieuwsblad van Friesland (19 jannewaris 1938).
  2. Jan van Kammen, ‘Douwe Kûper’s earste Fryers-avontûr’, yn: Waling Dykstra, red., As jimme it lije meije 1898 (Eisma, Ljouwert 1898); ib., ‘Hwa bin ik? Baes Hessel of Ritmaster?’, yn: Waling Dykstra, red., As jimme it lije meije 1899 (Eisma, Ljouwert 1899).
  3. ‘Kaatsen’, De Telegraaf (31 maart 1897): ‘Door eenige Friezen, afkomstig uit den kaatshoek van Friesland, is te Amsterdam eene kaatsvereeniging opgericht, onder den naam „De Kaetsebal”, die aanvankelijk 24 leden telt.’
  4. De Friesche echo: nieuws- en advertentieblad: speciaal ten behoeve der Friezen in Amsterdam en andere plaatsen (Amsterdam 1898 -1899). Jan Jelles Hof hat der in gedicht oer skreaun: ‘Oan “De Friesche Echo”’, Friesch Volksblad (23 oktober 1898). Sjoch: ‘Stadsnieuws’, De Tijd (4 oktober 1898): ‘Zaterdag [1 oktober] is hier ter stede het eerste nummer verschenen van De Friesche Echo, nieuws- en advertentieblad speciaal ten behoeven der Friezen in Amsterdam en andere plaatsen. Volgens het nieuwe orgaan zijn er in Amsterdam 40.000 Friezen woonachtig.’
  5. ‘Stadsnieuws’, Het Nieuws van den Dag (23 desimber 1898).
  6. De húshâlding fan Mindert is op 18 maaie 1852 fertrokken nei Amsterdam.
  7. Sjoch foar de genealogy fan de famylje: W.J. Bokma de Boer, ‘Bokma de Boer’, Genealogysk Jierboekje 393 (1970) 51-58.
  8. Oer syn fjirtichjierrich jubileum by de bibleteek: ‘P.A. Smidt’, Algemeen Handelsblad (7 maaie 1918).
  9. Bevolkingsregister Amsterdam; Overgenomen Delen 1892-1920: NL-SAA-29089525. Pieter Andries Smidt en syn frou Ytsje de Groot nimme yn 1896 in bern oan dat se de namme Jelle Sijtze (Smidt) jouwe. Dy trout yn 1927 mei Gesina Maria Frankema. Bevolkingsregister Amsterdam; Huwelijk Sloterdijk Reg. S4 fol. 48.
  10. Monica Soeting, Cissy van Marxveldt: een biografie (Groningen: Rijksuniversiteit Gronigen, 2017) 142. Beskikber op <http://slidegur.com/doc/9946355/cissy-van-marxveldt-soeting--monica>.
  11. Sjoch ek de resinsje fan ‘Lijkrede op Uilke Reitzes Dijkstra. Uitgesproken door J. Kuiper, op den 9 Maart 1823, in de Kerk der Doopsgezinden te Dantumawoude. Te Leeuwarden, bij J. Proost’, Vaderlandsche Letteroefeningen 1823, 409.
  12. Bevolkingsregister Amsterdam 1874-1893: NL-SAA-27555868. Suurenbroek en Schrover jouwe 1882 as it jier dat Duim ferhuze nei Amsterdam. Frank Suurenbroek en Marlou Schrover, ‘A separate language, a separate identity? Organisations of Frisian migrants in Amsterdam in the late nineteenth and early twentieth centuries’ Journal of Ethnic and Migration Studies 31:5 (2005) 991-1005, 1000. <https://openaccess.leidenuniv.nl/bitstream/handle/1887/13893/schroverSuurenbroekJEMS_Redacted.pdf?sequence=1> [krigen 1 desimber 2018].
  13. R.W. Canne, ‘Wiebren Duim’, It Heitelân (1922) 110-111, 110.
  14. Yn 1900 nimt Velstra ôfskied fan bestjoerslid F. Jaski [Feye Jaski (1865–1906), boekhâlder, kaam fan Skier], dy’t fjouwer jier bestjoerslid west hat. Jaski krijt in gouden eareteken op ’t boarst spjelde. Sljucht en Rjucht 4-9 (31 maart 1900) 68. Bestjoerslid M. Fenenga fan Velstra [Melle Fenenga (1849-1920)] wie krûdenier en kaam ek fan Skier.
  15. S.D. de Jong, ‘Ljouwter Toaniel Selskip 1881-1931’, Leeuwarder Courant (21 febrewaris 1931).
  16. Ype Poortinga, It Fryske folkstoaniel, 1860-1930 (Van Gorcum & Co., Assen 1940).
  17. ‘Kunst’, Leeuwarder Courant (2 novimber 1898). In langere werjefte fan it stik jout A.B., ‘Friezen te Amsterdam’, Leeuwarder Courant (24 jannewaris 1898).
  18. Ype Poortinga, It Fryske folkstoaniel, 1860-1930 (Van Gorcum & Co., Assen 1940) 130-135.
  19. Jan Pieters de Vries hat yn de jierren foar de Earste Wrâldoarloch in bestean as kafeehâlder earne yn Amsterdam. Yn de Fryske skriftekennisse en bûtenbûnliteratuer is oant de dei fan hjoed gjin spoar fan him te bekennen. Net ien neamt dizze pionier, dy’t direkt en yndirekt de oanstjit jûn hat ta trije Fryske selskippen, in sjongferiening én in wykblêd om utens. Syn toanielstikken binne weiwurden. It lêste libbensteken joech er mei it ûnderskriuwen fan de houliksakte fan syn dochter Ynskje yn 1923, deselde dy’t op achtjierrige leeftyd meispile hie yn Falske frjeunen. Wannear’t er stoarn is, nimmen dy’t it wit.
  20. Neffens adfertinsjes yn de Leeuwarder Courant op 27 novimber 1898 yn Dronryp en Winsum, en op 22 maart 1899 Menaam. Op 17 desimber 1899 waard it opfierd yn Boazum.

Mear fan Abe de Vries

‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie
1 2 3 4 5 6 7 8 9