image lf2018

Tsjinwynkronyk 2018

#1

Abe de Vries en Friduwih Riemersma - Fers2 4.7, 5 april - 4 oktober 2018

It earste fearnsjier fan it kulturele haadstêd­barren sit derop! Fers2, Aldsyl/Amsterdam-fêstige, hat mar in bytsje lêst fan hân fan dat fearnspart. Mar de LF2018-organisaasje nammerstemear:

  • 24 jannewaris – It tal lytsere bedriuwen dat lid wurden is fan de sponsorklup fan de kulturele haadstêd is mar 300, 200 minder as de begrutte 500 leden, mei gefolgen foar de sponsorynkomsten.
  • 25 jannewaris – Broadsje Poëzij, mei Eeltsje Hettinga, Lotte Lentes, Vrouwkje Tuinman en Prins Claus Conservatorium “tidens in hearlike lunsj”, giet net troch, reden kaartkosten € 14,50, kliemske bôle en “te min oanmeldings”. (sitaten Ensafh)
  • 27 jannewaris – De nasjonale tillefyzje set foar 847.000 sjoggers de kulturele haadstêd wei as fierljeppen, Alvestêdetocht, Fryske hynders en Foppe de Haan, koartsein folkloare.
  • 27 jannewaris – Fan ’e ‘lústerline’ as foarpriuwke fan it projekt 8ste Dag hat gjinien mear wat heard; is der feitlik wol lústere, komt der noch in ‘lústerfilm’ yn it Lân fan Taalgebou?
  • 2 febrewaris – It gebou foar it kulturele haadstêdprojekt Lân fan Taal iepenet, mar sûnder dat der wat yn it gebou bart, want dêr wie gjin jild mear foar.
  • 8 febrewaris – Busbedriuw Arriva beoardielet de ‘shared space’, de spesjale 2018-ynrjochting fan it stasjonsplein, as tige ûnfeilich.
  • 22 febrewaris – De ferbou fan de Blokhúspoarte, dêr’t de kulturele haadstêdorganisaasje tahâldt, leit stil mei in tekoart fan 1,2 miljoen.
  • 27 febrewaris – City Jazz Leeuwarden hâldt der definityf mei op; neffens it bestjoer is it dreech om “in het geweld van Culturele Hoofdstad 2018” noch plak te finen foar har festival.
  • 8 maart – De topman fan de ING-bank, haadsponsor fan de kulturele haadstêd, krijt fyftich persint mear salaris en ING stiet dan symboal foar ‘graaie’.
  • 16 maart – De kulturele haadstêdfontein yn Dokkum sil mear as fiif moannen te let klear wêze en dan yn oanpaste foarm, want iis is te djoer (sa’t elkenien al dalik sein hie).
  • 28 maart – Fan de Dichter fan Fryslân ferskynt it fyfde beskamsum weardeleaze gedicht, de Ljouwerter krante fertelt him en seit dat it it fierde is en Omrop Fryslân set it gedicht net op syn side.
  • 3 april – de (ynstee fan tydlike) fêste hegere hotelbêdkapasiteit foarmet in ekonomysk risiko yn 2019; hoteleigners ynvestearje yn ekstra bêden ynstee fan yn arbeidsomstannichheden yn in sektor dêr’t útrûpeljen derby heart, seit de adviseur (nei wa’t net harke wurdt).
  • 5 april – Al fjouwer moannen lang is der gjin ‘nijs’ op de kulturele haadstêdreklameside Finster op Fryslân.
  • ek 5 april – Neist de Harmony pronket ynstee fan de plande bioskoop in ferfelende bouput en it WTC-terrein sil foarearst brûkt wurde om rúzje oer te meitsjen.

Fers2 hâldt jo op ’e hichte!

Tsjinwynkronyk 2018

#2

Abe de Vries en Friduwih Riemersma - Fers2 4.15, 7 oktober 2018

image lf2018

It twadde fearnsjier fan it kulturele haadstêdfeest, it maityds­seisoen, is wannear’t de ferdivedaasjeflaggen plante wurde moatte yn it kulturele wapenkamp; om dat taastber te meitsjen komme kulturele haadstêden altyd mei syn twaen en mei kapteins dy’t tinke dat diplomatyk praat foar de softies is. Dit skipssjoernaal is lang net kompleet, it is mar in karlêzing:

  • 9 april – De event fan it sjongende asfalt ‘Fryske grûn’ op de N357 tusken Stiens en Ljouwert wurdt wer ynpakt want omwenners hawwe der groulike lest fan, “Het is psychische marteling”, de 100.000 euro kostjende dykpromoasje—moasten wy net just twa wiken fossyklfrij?—is fergriemd, it fluch weiheljen fan de asfalthobbels is ek net fergees dus ferpleatsen bart mar net, boppedat wize Friezen as favorite alternative rûte oan: de Ofslútdyk.
  • 10 april – De Slauerhoff-priis, in stimulearringspriis foar jong dichttalint, wurdt dit jubeljier net útrikt want der binne net genôch ynstjoeringen; it feit krijt trije rigeltsjes yn ’e krante.
  • 16 april – Kulturele haadstêd-ceo Tjeerd van Bekkum is fan betinken dat de wegering fan de Malteeske oerheid om de moard op in sjoernalist te ûndersykjen neat oan oparbeidzjen fn Ljouwert mei twalingkulturele haadstêd Valletta feroarje kin om’t de kulturele haadstêd him net mei polityk bemuoit: “Het wordt nu superpolitiek en daar branden we onze vingers liever niet aan.”
  • 24 april – De nije ynrjochting fan it Stasjonsplein kostet de gemeente Ljouwert 2 miljoen ekstra boppeop de oannimsom fan 12,55 miljoen euro, mar “We wilden af van de spaghetti hier”, neffens wethâlder Deinum, want “Het krioelde raar door elkaar. Maar straks moeten we hier veel mensen ontvangen”, en 2 miljoen mear is net slim want de gemeente hat tafaltsjes.
  • 1 maaie – De Snitser kulturele haadstêdfontein wurdt pleatst mei flaggen en fanfare, blykt te heech en wurdt wer meinommen om der in stik út te seagjen.
  • 30 april-1 maaie – Arriva stakingen yn Fryslân, dus gjin treinen en bussen; mei partner Arriva hat de kulturele haadstêd de FryslânCard betocht hat, in fergese deikaart foar yn Fryslân oernachtsjende toeristen foar it grut part fan it Arriva-iepenbier ferfier yn Fryslân, dat dus staakt.
  • 1 maaie – Atelier/wenromte fan 20 keunstners dy’t oan kulturele haadstêdprojekten wurkje wurdt ôfbrutsen, mar as se kleie by de gemeente Ljouwert oer ûntromming foar 16 maaie, krije se royaal te tiid oant 13 juny om op te miterjen.
  • 2 maaie – It keunstnersdoarp Asgaard ‘verpaupert’, wat goed komme kin om’t der neffens de kulturele haadstêdwebside “Noordse goden [en] … vooral creatievelingen en thuislozen” wenje, mar gjin keunstners.
  • 7-8 maaie - Wurkbesite fan de Europeeske kultuerkommisje oan Ljouwert, pland foar 7 en 8 maaie is ôfsein; it is noch nea earder foarkommen dat de tradisjonele wurkbesite oan de kulturele haadstêd ôfsein is.
  • 11 maaie – Wylst de kulturele haadstêd kokettearret mei it bioferskaat yn Fryslân, slacht It Fryske Gea alaarm oer de massale stjerte fan ynsekten.
  • 12 maaie – It ‘Halbertsma-ontbijt’ fan Klinke & daverje! Grou giet net troch, reden ôffallende kaartferkeap.
  • 18 maaie – De as technologyske revolúsje oankûndige mist om de Plensahollen, ‘Love’, blykt gjin fonteinmist mar in steamplomke oant knibbelhichte.
  • 24 maaie – Fryslân top 3 op Lonely Planet, sa wurdt jûchheid op 22 maaie, mar al twa dagen letter docht bliken dat alle Cultural Capitals of Europe in plakje heecht op de list krije (wat de toerist net wjerhâldt om nei Amsterdam te gean).
  • 24 maaie – de Harnzer potfiskfontein—it FD neamt him ‘povisfontein’—syn spuitmeganisme giet koart nei it yn gebrûk nimmen op 18 maaie stikken, it reparearjen nimt in wike.
  • 25 maaie – De Arrivasjauffeurs kenne it spesjale kulturele haadstêdbus/treinkaartsje (FryslânCard) net, toeristen kinne sa’n kaart nearne keapje mar moatte in app downloade, se kinne de kaart net ôfdrukke, der stiet gjin reisdatum op en de twa fêste en trije mobile Arrivaservicepunten hawwe in beheinde iepenstelling en kinne neat dwaan.
  • 30 maaie – Ljouwert ferliest fan Maastricht op de kulturele gemeenteatlas (Amsterdam stiet op nûmer ien) en is troch Aarhus, dat ferline jier de kulturele haadstêdtitel hold, ferslein op de Lonely Planet.
  • 5 juny – Café Neushoorn moat slute, direkteur Yvonne Bleise seit dat se lest hân hat fan ’e “iepen up talkshow” fan kulturele haadstêdfeestnoas Jacco de Boer, dy’t botst mei de Neushoorn-deikafeefunksje; de ûnearlike konkurrinsjeposysje fan de kulturele haadstêd hat Neushoorn in grut finansjeel tekoart brocht.
  • 6 juny – Grouster arsjitekt Rein Hofstra uteret spraakmeitsjende krityk op de kulturele haadstêdfonteinen en de projektlieder dêrfan, Anna Tilroe: “[E]r zijn teveel twijfelachtige imitaties” en om’t Tilroe de “Friezen stigmatiseert, is hier sprake van smaad.”
  • 9 juny – Om de werklike besikerstallen te mystifisearjen en de rûze 1,4 miljoen kulturele haadstêdbesikers as in feit te presintearjen, seit kulturele haadstêd-ceo Van Bekkum: “De musea hebben het drukker dan ooit”, “We hebben alles al lang terugverdiend”, “Moet je kijken hoe poepdruk het is”, “Voor mij is het jaar nu al een succes”, (Zijn er inmiddels al bezoekers­cijfers bekend?) “Nee nog niet. We werken aan een tussenbalans.”
  • 21 juny – De helptsjinsten stean der by de kulturele haadstêd­organisaasje earnstich op oan om yn augustus in stop op ’e evenementen te setten; sikehuzen en sikeautotsjinsten hawwe ein 2017 al warskôge foar feiligensrisiko’s troch opheapjen fan eveneminten, mar de kulturele haadstêd koe doe neat dwaan om’t de evenemintekalinder noch net klear wie.
  • 30 juny-16 july – It stasjon fan Swol giet fjirtjin dagen lang ticht sadat kulturele haadstêdbesikers gjin trochgeande trein nimme kinne, mar Van Bekkum seit “De bus is trouwens ook een prima vervoermiddel”, want de fierdere kulturele haadstêd is likemin ynrjochte op rolstoelers of oare hendikeps.
  • 23 july – Popmuzykfestival Welcome to the Village is “het gezelligste festivaldorp van Nederland” seit Festileaks dat hûndert festivalgongers frege wat se tochten fan de “festivalbeleving”.

Fers2 bliuwt foar jo yn ’t roekenêst!

Tsjinwynkronyk 2018

#3

Abe de Vries en Friduwih Riemersma - Fers2 4.15, 21 oktober 2018

image lf2018

It tredde fearnsjier fan it kulturele haadstêdfoarfal ken it morele lok fan prachtich simmerwaar en toeristesprieding út de grôtfolle rândestêd nei de efterlannen, mar der bliuwe genôch prestaasjes oer dêr’t de organisaasje hielendal sels ferantwurdlik foar is, lykas:

  • 1 augustus – Noch altyd werkenne de Arrivasjauffeurs de—net fergese mar goedkeape—kulturelehaadstêd-Arrivakaartsjes net, likemin as de incheckpealtsjes op ’e de stasjons dat dogge, en ek moat it e-kaartsje fan tefoaren mei de tillefoan aktivearre wurde, mar reizgers mei in androidtillefoan, wat dus de aldermeaste reizgers binne, kinne net op ien dei aktivearje en reizgje.
  • 2 augustus – De grutste publykslûkers fan it Tall Shipsevenemint yn Harns, twa Russyske windjammers, komme net nei Harns, út ûnderstelde eangst om dêr oan ’e keatling lein te wurden troch de Hollânske oerheid in tsjinst fan net-neamde skuldeaskers.
  • 3 augustus – Mei boarchsommen en boetes en regels en ferboaden wurdt it net-kulturele haadstêdinisjatyf it Feanhoop­festival minder populêr makke, mar it wurd konkurrinsje falt net.
  • 6 augustus – Unôfhinklik Ljouwerter stedskuierorganisator Van Ravesteijn sinjalearret dat de kulturele haadstêd ferjit om de tsjerken, Achmeatoer en Steateseal iepen te stellen foar toeristen, sûnder lykwols te sinjalearjen dat sokke kultuer aaklik nonprofit is.
  • 31 augustus-1 septimber - De populêre Slachtemaraton kin dit jier net trochgean want foar de spesjale kulturele haadstêd­útfiering fan de maraton binne fierstente min kaarten ferkocht; dy kaartsjes kosten net lykas de oare jierren € 35, mar € 95.
  • 18 septimber – De kultuerdeputearre tinkt dat der yn 2019 ferlet is 16 miljoen euro boppe-op it gewoane kultuerbudzjet plus de miljoenen foar de Fryslânmarketing, om de “enerzjy fan 2018” fêst te hâlden; in enerzjy dus dy’t iepenbier jild slynt as koe it net op.
  • 23 augustus – Der kamen folle minder besikers nei it “reuzen”-spektakel Royal de Luxe yn Ljouwert as dat Ljouwert sein hat, stelt ûndersykburo Locatus út Woerden fêst: net 425.000 mar mar 134.000 en rekkenjend mei in telôfwiking noch beslist in stik minder as 200.000; de sifers fan Locatus komme oerien mei dy fan de NS en Arriva.
  • 19 septimber – De feiligens- en ferkearsmaatregels om it “reuzen”-evenemint hinne kostet gjin 6 ton mar 1,1 miljoen, de ried tinkt dat it apart is dat it kolleezje dat net earder wist en om’t Ljouwert garant stie foar mooglike tekoarten by de kullturele haadstêd en der temin sponsorjild binnnenkaam moat Ljouwert al 750.000 euro ekstra betelje.

Noch trije moannen te gean: Fers2 wekket, jeit en hoedet!

Tsjinwynkronyk 2018

#4

Abe de Vries en Friduwih Riemersma - Fers2 4.20, 16 desimber 2018

image lf2018

It fjirde en lêste fearnsjier fan it kulturele haadstêdklapstik makket stadich dúdlik dat it aansen om is, sûnder ‘legacy’, sûnder dat Fryslân ‘op ’e kaart stiet’, sûnder dat fan de kulturele haadstêd­pronkbean Sense of Humor ek mar ien projekt realisearre is en sûnder identiteit, ynnovatitviteit of 4-miljoen-besikers­kulturaliteit; weiswynd is de mantra ‘iepen mienskip’.

  • 1 oktober – ‘Dyk fan in wiif’ is net trochgien: de planearre 100 x 20 meter grutte gersbochel yn de foarm in lizzend frommis, fan it promininte kulturele haadstêdûnderdiel Sense of Place komt net op ’e seedyk by Holwert, inkeld de makette derfan is yn de simmermoannen útstald. Fan de meiinoar tsien Sense of Place-ontdek-je-plekjes is gjin inkelde realisearre: Dijk van een Wijf net, Terp fan de Takomst ek net en it is hielendal net wis oft dat plan wol útfierber is om’t jo net samar dingen yn beskerme natuer delsette meie, Drie Streken is noch yn ûntjouwing, sizze se, ta in oanpast Oerolprojekt; Dobbepaarden, in kuierpaad op it Noarderleech is in besteand paad dêr’t no mooglik it kulturele haadstêdlogo opplakt is mar fierder neat oan taheakke; Camera Batavia sil der krekt nei 2018 komme, seit Sense of Place; fan Wachten op Hoog Water wie de ferwachte realisearring oktober 2018, helaas, Mondriaankwelder is der net, Zeezwembad Wierum is der net, Windwerk net en Project De Nollen net.
  • 3 oktober – Der is gjin ‘legacy’ en dus kundiget de kulturele sektor, i.e. it Fries Museum en St. Keunstwurk, in twa jier duorjende ‘follow-up’ fan de kulturele haadstêd oan, dêr’t 5 miljoen foar nedich is yn 2019 en ek yn 2020 = 10 miljoen dy’t de provinsje betelje moat boppe-op it al útlutsen 2018-legacybudzjet; kin net oars om’t festivals net yn de kulturele basisynfrastruktuer sitte en de deputearre dy basis krekt yn 2021 (foar har) oanpasse sil mei ’t each op finansierjen fan popfestivals en disneyfikaasje.
  • 3 oktober – De grassroots-klup Poppoadium Asteriks giet út Blokhúspoarte om’t se de hege hier net mear betelje kinne en/om’t de broedplakfunksje fan it gebou ferlern gien is en kommersjele organisaasjes de kosten opdreaun hawwe.
  • 5 oktober – Ljouwert sil yn 2019 swier besunigje yn it sosjale domein en nei 2019 opnij in besunigingsslach trochfiere, om’t de kulturele haadstêd jierrenlang alle omtinken krigen hat: jeugdsoarch, maatskiplike opfang en wolwêzenswurk binne de dupe.
  • 13 oktober – De dakletters ‘ja jongu nee juh!’ bliuwe stean nei 2018, de ‘megaletters’ fan it projekt Sichtberens “woene taal op in boartlike wize sjen litte”, wierskynlik mist it jild om it wer fan ’t dak ôf te heljen, dus wachtsje wy op in hjerststoarm … in stoarm ein septimber hat de kop fan it Lân fan Taalbegou yn ’e Prinsetún stikken skuord (sizze se) en besletten is om it net mear te reparearjen.
  • 17 oktober – De kulturele haadstêd krijt gjin fjoerwurk en gjin einfeest, it krijt in ‘ReOpening’ dy’t oanheakket by al rinnende festivals, Explore The North, Noordelijk Film Festival en Luna, reden: “wy fine dat wy noch net klear wiene.”
  • 17 oktober – It Ljouwerter kolleezje fan B en W stelt oan de rie út om ekstra stipe te jaan oan popsintrum Neushoorn dat troch konkurrinsje fan it allemachtich subsidiearre kulturele haadstêd­popoanbod yn problemen rekke is; it kolleezje neamt de ûnder­subsidiearring in “bizar misverstand” (fan bieb en Neushoorn).
  • 17 oktober – De “reuzen”-attraksje Royal de Luxe woe gjin live-útstjoering en stie mar 20 minuten teefee ta, mar Omrop Fryslân hat dêr 2,5 oere fan makke; de Omrophaadredakteur krijt dien (om in oare reden trouwens).
  • 18 oktober – Fryslân hie 13 iepenloftspullen yn 2018, ek al soene de kulturele haadstêdproduksjes gâns teatermakkers en frijwilligers opeaske ha, en gewoanlik binne der tusken de 12 en 16 spullen, sadat de Ljouwerter Krante kopt: ‘Druk ‘2018’ is zegen voor iepenloftspul’.
  • 9 novimber – Kultuerdeputearre Poepjes fan Provinsje Fryslân freget de steateleden om yn te stimmen mei har kultuerpopulistysk plantsje ta kultuer foar de gewoane minsken: om de Fryske popfestivals flink te ûnderstypjen, lykas yn 2018!; subsidiearjen fan keunst en literatuer is net yn it plan opnommen.
  • 14 novimber – De provinsje sil Sense of Place helpe syn projekten te realisearjen, want âld-Oeroldirekteur Joop Mulder fan Sense of Place seit dat er gjin fergunning krijt foar it pleatsen fan objekten yn it lânskip en kultuerdeputearre Poepjes seit “Mar foar ús is dat business as usual”, ommers ferline jier, skriuwt de krante, “besloot de provincie ook al in actie te komen voor de totstandkoming van een andere icoon van LF2018: de elf fonteinen.”
  • 19 novimber – Fan’t simmer hie Fryslân it heechste tal yn- en útlânske gasten yn fiif jier, seit it CBS, en dêryn wurdt it tal bûtenlânske toeristen hieltyd wichtiger, mar Fryslân rint (aardich) efter by de lanlike groei fan it tal oernachtingen fan útlânske besikers (9,8 : 7,9 %) en it Fryske sifer wurdt ferklearre troch mear Dútske toeristen op de camping (en groep­akkomodaasjes) op it waad. It moaie waar sil meispile ha.
  • 20 novimber – Der komt gjin ‘Iepen Mienskipsgala’ om de kulturele haadstêd mei ôf te sluten: de oanmeldingen bleaune slim efter by de ferwachtingen. Mar yn it plak komt in ‘ReOpening’, mei fergese glüwein en potiten en it “is niet bedoeld als feest, eerder als gezellige nazit. Het is ook geen einde maar een nieuw begin.”
  • 22 novimber – Noch altyd is der gjin legacy, dus de bliuwende kultuerynfrastruktuer dêr’t de Europeeske Kommisje kulturele haadstêden ta ferplichtet, dat keunstner Marten Winters sil de fraach “hoe nu verder na LF2018” stelle mei in skip fan hout en papier masjee; de show is om: “drie dagen lang met een viltstift zo vaak mogelijk ‘WAT NU’ op het plastic [te] tekenen.” Plestik?
  • 24 novimber – De sjoernalist dy’t har it meast belachlik makke hat yn 2018 is Kirsten van Santen fan ’e Ljouwerter Krante, dy wurdt noch wol ris boargemaster.
  • 14 novimber – Kirsten van Santen werhellet dat de “reuzen”-tourist trap 430.000 besikers lutsen hat, hoewol’t wy al witte dat it mar sa’n 134.000 wiene, en warskôget dat alle jonglearjen mei winstsifers de “welwillende houding richting kunst en cultuur die in het Culturele Hoofdstadjaar is gekweekt” ferpulveret, om’t de kulturele haadstêd just berikt hat dat “dromen niet meteen afketsen op kostenplaatjes”; ynienen bliek de wearde fan kultuer net yn sifers út te drukken, mei oare wurden in prestaasjemjitting hoecht om ’t kultueroanbieders net.
  • 25 novimber – Nettsjinsteande de fergese glühwein en potiten en it droege waar, kamen net de ferwachte trijetûzen besikers nei de ôfslutende iepenloftpraatshow fan de kulturele haadstêd, dy’t “veel overzichtelijker” (lês: folle spotgoedkeaper) wie as it by tekoart oan niget skraste eingala; kulturele haadstêd­programma­lieder Sjoerd Bootsma joech ta dat syn programma net de hiele Fryske befolking berikt hie, “waarbij hij voorstanders van Zwarte Piet noemde die vorige week de confrontatie zochten met demonstranten van Kick Out Zwarte Piet en ook de blokkeer-Friezen: “Wij zijn voor een inclusief Friesland, waar iedereen zich thuis voelt.”” Ek Jenny Douwes.
  • 26 novimber – Jos Thie, regisseur fan it kulturele haadstêdprojekt Stormruiter, reagearret op de neifilm (‘aftermovie’) dy’t mei de fergese glüwein kaam mei “waarom moest dit nu in het Engels, terwijl wij twee prachtige talen in de provincie hebben?”; en ek, seit er, is de krêft fan de mienskip net nij want yn 1995 “was de mienskip net zo open als nu” en boppedat ha no de keunst­beropslju it foar ’t sizzen: “Laat die nu meer open zijn.”

As tajeft nochris it komyske artikel fan Wiebe Pennewaard, ‘Culturele Hoofdstad fopte de jury’, op Fryslân1, 2 septimber 2017.

Mear fan Abe de Vries

Tsjinwynkronyk 2018 #3 It tredde fearnsjier fan it kulturele haadstêdfoarfal ken it morele lok fan prachtich simmer­waar en toeristesprieding …
Tsjinwynkronyk 2018 #2 It twadde fearnsjier fan it kulturele haadstêdfeest, it maityds­seisoen, is wannear’t de ferdivedaasjeflaggen plante wurde moatte yn it kulturele wapenkamp
Ut Mienskar: Sonnetten Fier út ’e wei, om súv’rens fûn of net te finen, / hâldt er ’m grut hy sit net sljucht of rjucht
Ut Mienskar: Sonnetten Fier út ’e wei, om súv’rens fûn of net te finen, / hâldt er ’m grut – hy sit net sljucht of rjucht
In manifest ut de Nederlanske perifery It is it ferhaal dat de ‘winskhoedskriuwer’ Japik Japiks – in pseudonym fan de Fryske skriuwer Waling Dykstra– fertelt oer syn ûndersyk nei de etyk …
Ljouwert sloopt it noarden fan Fryslân Kielstra (VVD) wol slope, grutte berjochten yn ’e krante. Mar huzen slope yn it krimpende noarden fan Fryslân woene de Nederlandse Vereniging van Makelaars en de Rabobank yn 2010 ek al.
Ut Mienskar: Sonnetten De Kommisje is neffens Boltanski’s skets / it bêst te sjen as lichem sûnder holle.
Konstruksje fan sosjale identiteit yn it Fryske realisme It betide wurk fan Waling Dykstra (1848-1860)
Ut Mienskar: Sonnetten It lytse doarpke bliuwt in winkel en in kroech, / eartiids folle mear dat gearhing joech, / mar no is nachts in frommes op ’e sjou
Reislotterij 2018 In reiske winne: it kin oeral, by reisburo’s en winkel­keatlingen en… ek by LF2018!
1 2 3 4 5 6 7 8 9