
politike haiku
Tút fan Judas
It is troch syn tapassing as polityk kommentaar dat de haiku in folwoeksen sjenre waard yn de njoggentjinde ieu. De jiji haiku, ‘aktuele’ haiku, wiene fersen dy’t ferwiisden nei de sosjale en politike kwestjes fan har tiid. De dichters fan dy moderne haiku waarden beskaat troch politike oansluting. Se stelden har op om in heechst polityk sjenre hinne.
It politike brânpunt fan hjoed is dit. Wy soene krekt 75 jier frijheid fiere, mar yn 75 jier ha wy nea leaver as no hearre wollen dat der neat te rêden is, seit Matthew Karnitschnig yn Politico: dat al wat ús frijheid bedriget ús eigen eangst is. Dêrom hawwe alle wrâldlieders, de populisten foarop, har ferskûle efter kânsberekkening, moaie sliep sêft-wurden mei it each op ’e nije ferliezingen en ûntkennen fan wat der geande is. Boris Johnson sei dat hy gewoan hannen skodde. Herd immunity, samar klear. Mar hiel dúdlik is dat de pandemy de have nots folle hurder treft as de haves. It neoliberalisme hat doelberet in ûnderklasse skoepen dy’t gjin soarch krije sil, op faaks bearegal en geitehoarn nei, en dêr’t it stjertesifer skokkend heger leit as by ús.
Dat de Fryske keunst de saak ûntpolitisearret is begryplik, echte keunst is der eins amper en en dichters meitsje meast aardige dinkjes foar de minsken. Mar it swelgjen yn in mispleatst idee fan katastrofe dat harren oerkomt, net de oaren, is obseen. Hjirûnder wat tsjinwicht tsjin alle dagen koronaporno.

BruuskearFries jout fiat
Stumjend oan Euro’s tafel
Spaanske stjoert Wop smok
*
Baudet knibbelet
Foar moai Marokkaansk famke
Yn syn sliepkûpee
*
Seach Wilders fytsen
Beskerme troch Salvini
Birds of a feather
*
Lubach snijt fingers
Troch applaus foar grutte Wop –
In kont fol blieren.

Skilje de kliklijn
As dyn swarte lyster sjongt
Bern bûten harket
*
It ministearje
Kin har hystearje rêstich
Oerdrage oan ús
*
Hjoed rint de moanne
Hân yn hân mei de sinne
Fandelet Glimkes
*
Dyn hatsjû betsjut
Dat ik hurd ferfrjemdzje sil
Mins dy’t ik ferflok
*
Normalisearje
Lykas de KGB die
It went wol, dea
*
In kroan op kroan is
In kroan op ûtholle kies
In kroan op ferlies

Ien rashûn blaft jûns
gospelfalske kloklieders
fuort sûnder farwol.
*
Hommelsk sjitferbod.
No is har healstoks inkeld
mar humanitêr.
*
Flearmûzen snjirkje
sa’t cell data sjen lit gâns
leger oer earmlân.
*
Paupers strjit-race.
Hubris oer de Willemsbrêch.
Wêr bliuwt Grapperhaus.
*
In heilân gniisde
om buormans massagrêven
en dimpt syn iiswein.
Politiku II

skypiste baas tocht
massa is kassa is feest
ik bin gjin dokter

Ien lêst amtnerstaal
en kopklaut yn in bosk hier
ferdwaalt yn inket
Mear fan Elmar Kuiper
Bekentenis en oare fersen |
Bekentenis en oare fersen Ik ha genôch triennen, se drûgje/ fansels op, lykas it lân … |
Fjouwerlûk fersen De grûn rydbosket. / It tilt op fan fretterige wêzens. |
Ut de bondel Stienkeal wat is de pine fan in man dy’t seit / dat it kwea yn him waakst |
Ut de bondel Stienkeal hurd en keal wie de kont fan de foarútgong / doe’t ik him rûkte |
Twa gedichten ut ‘Hiemsiik’ koe ik spyt mar as in sânkastiel fuortspiele litte de kiel/ fan ’e kobbe tichtknipe… |
Twa nije gedichten! it reint der samar hinne en ik sis net/ dat it kloatewaar is as ik de tosken/ poets… |
Fjouwer gedichten komst wer thús as in hûn dy’t de tonge rôlje/ lit oer in rau steed wolst der oer sjonge… |