
Opiny
Untsnappe yn schadenfreude
Hoe’t Syds Wiersma de pandemy opfleuret
Wat kin der no grappich wêze yn in tiid as dizze. De pandemy hat ús wrâld op syn kop set. De krisis hat alles fan ús ôfnommen dêr’t wy wearde oan hechten, lykas sjoppe, nei fuotbal en de bioskoop gean en sels it hiele idee fan hoe’t wy minsklik kontakt ha. Wy sitte thús, ûnwis oer de takomst en mei noed oer ús swakkere meiminske: hoe kinne jo dan grappen meitsje? Mar de skiednis lit sjen dat wy just humor brûke om rottige tiden oan te kinnen. Fjirtjin dagen lyn ferfjouwerfâldige yn ien wike it tal besmettingen yn New York en de wie sfear grimmitich op ’e COVID-19-parsekonferinsje fan Andrew Cuomo mei syn gigantyske noas, mar hy fertelde oer de nije ‘small nasal pasage’-testproseduere: “Although I am not entirely sure what a small nasal procedure is, I am sure it would not apply to me.” Sa’n grap ûntspant ús. Dêrom hâldt it Fryske publyk fan syn dichter Syds Wiersma.
Op facebook sei immen
Moatst even bûten sjen
Dêr flimet Fenus troch de Plejaden
(…)
It like wol krystnacht sa fûnkele
Ferwachting troch de kâlde djipten
Mar it wie omtrint goede wike
Mei syn spikerhurd lijen op ’e loer
Wiersma hat, oars as Cuomo, gjin humor. Mar dat dat hoecht ek net. Njoggen jier lyn gie Rebecca Black har ‘Friday’ viral op Youtube en dêrnei it online dûnsjen lykas fan de Numa Numa Guy en de Star Wars Kid en wy hiene de foarwedstriden fan Idols. Wy gniisden ús dea. It optreden op it snijflak fan grappichheid en minne smaak, yn kombinaasje mei in breklik ûnderskied tusken laitsje mei immen en laitsje om immen, prigele ús ûnbedimber. Oardel jier lyn, yn myn redaksjetiid by it leechdrompelich dichterskollektyf Rixt, kaam der in fers fan Wiersma mei de email wylst myn soan der krekt ynstapte, dat ik lies it him foar. Hy skuorde him de bûsen út. Myn keuken wie sa fol blierheid dat ik Wiersma warskôge haw dat lêzers syn fers opfetsje koene as in komyske slip of the tongue en tagelyk publikaasje net ôfrette. Dan kin de dichter sels kieze.
Lytse narderij om poëtysk de gulp net ticht is ûnskealik, tocht ik. Oan ’e oare kant fan boartlikens sit ús mear neargeastige laitsjen. Minsken yn sjenante situaasjes ridikulisearje wy. Wierskynlik om ’t wy tinke dat wy sels minder útgniisd wurde sille, laitsje wy privee om in oar syn mislearringen: buorman sleutelet no al in wike oan syn moterfyts haha. Mar dêrneist is der troch de offisjele media bekrêftige schadenfreude: kollektyf gnize om kulturele pûsters.
In oar syn ûngelok tsjinnet minsken yn har stribjen nei positive selswurdearreing en eigenwearde, benammen nei in persoanlik falen op in wichtige taak en just by lju mei in ivich leech betrouwen yn har eigen funksjonearjen; dat binne wy no allegearre. Wy blike en masse net-bot-altruïstyske mantelsoargers, sleauwe thúswurkers en -ûnderwizers en lang net koelbloedige direkteuren fan ús ienmansbedriuw. It stimpel fan goedkar fan krante en teefee makket it laitsjen om in oar syn ûngelok in enoarme populêre ferdivedaasje. Wat pynliker as de beskamsumens is, wat lûder wy laitsje. Yn dizze tiid fan krapte fan aktuele lol is it logysk—en net sa ûnetysk; by Idols gniisde ek de sjuery de ûntalintearre kandidaten live út—dat it Friesch Dagblad Syds Wiersma oantúgde.
It krantefraachpetear fan 9 april is grappich, just om’t it sa pynlik is. Wiersma begjint te fertellen dat ien fan syn fersen ynsprirearre is troch in freondinne dy’t om har “groanyske kwaal” yn it heech-risikoskift falt, mar osa “lichaamlik ynsteld bist, hoe rêdst it dan op?” Dochs fynt se in liiflike manier om kontakt te hâlden mei har neisten: “Lippestift op en tútsjes op de rútsjes fan dierberen sette.” It is dan al in moanne bekend dat it koronafirus wol fjouwer dagen oerlibbet op glês.
In tútsje
In tútsje op it rútsje
It oankrûpfamke moat dochs wat
It bliuwt in surrogaatsje
Mar sûnder dat gean ik op slot
Ik bring se alle wiken
Myn tútsjes op it termopeen
Guon roppe, must es kike
Wat het se nou weer deen?
In tútsje op it rútsje
Ik plak myn hertegroet derby
It bliuwt in sobbersuertsje
Mar ’t jout wat wille oan ’e dei
En as myn maten roppe
Hee leave, komst der even yn?
Dan tink ik, nee net oer de groppe
Want te tichtby dan tútsje ’k blyn!
“[D]er sit ek poëzy yn it feit dat immen op in kreative wize trou bliuwt oan harsels,” seit Wiersma. “Der sprekt treast út, mar ek wanhoop en tearens; ferskate eleminten dy’t my deryn rekken.” My ek: doch dit net nei! Plak net jo hertegroet derby: kom net mei jo mûle by glês bûtendoar. De ‘ik’ yn it fers mist it sûn ferstân of hy is in koronafirusûntkenner. Galgehumor is poerbêst foar fiksje, mar harkje net nei him. Reitsje yn ’e supermerk gjin glêzen potsjes oan, as it net oars kin, kom net mei jo hannen by jo gesicht en thús dalik hanwaskje.
De poëtika hat in Jackass-absurditeit. Wiersma wol “Alle antennes út en de aktualiteit yn gedichten heine.” Dalik nei de earste Nederlânske beheiningen fan de bewegingsfrijheid op 15 maart—dêr’t trouwens boargers ta oanfitere hiene, meast medisy dy’t lilk op de lakse oerheid wiene—giene der op de Fryske sosjale media stimmen op om Fryslân ôf te skieden fan Nederlân. Want Deep State hold mei de 5G de Friezen derûnder. It ferbân tusken it trieleas kommunikaasjenetwurk en korona wikselet fan in ferlechje nei fersprieding fia de stjoermêsten, mar yn alle gefallen binne de antennes fan de elite, dus tink derom. Wiersma hâldt in “poëtysk lochboek fan de krisis by” op Facebook. De warskôgingen om gjin sabearenijs en gjin antyoerheidspropaganda op sosjale media te fersprieden, “lykje [se] har der net hiel bot om te bekroadzjen”.
It is in aaklik boadskip
Asosjaal út minsklik eachpunt
Mar wat in stunt is dit fan de ierdske machten
Dat ús wat gemiens oandien is wurdt wol dúdlik. Mar aaklik, asosjaal en in stunt, heger (?) boadkip, minsklik, ierdske machten, dus net godlike? Dat makket in brijich fers. Mooglik komt de ûnlogika troch in hertferskuorrende ûnnoazelheid. “[I]k haw dizze wiken besocht my foar te stellen hoe’t it foar minsken wêze moat dy’t poer allinnich yn it sikehûs telâne komme of op de ic oan de beademing moatte.”
Wêr soest moed
Wei garje
Of hast dat net
Oan tiid
Yn ’e hektyk fan sa'n
Beademingsfabryk
Sikest noch om in lêste
Mûlfol wurden
Pear eagen
Achter in spatbril
Dy’t tear genôch lykje
Om it ta
Te betrouwen
Isolemint, slavernij, folsleine technologyske ôfhinklikens en kâlde roboteagen dy’t jo kontinu yn ’e gaten hâlde: it fers wjerspegelet de dystopyske gearspanningsteory fan de polityk mistrouwige anty-5G’ers. Wy witte lykwols—as wy de antennes deryn litte—hoe’t de yntinsive soarch der yn it echt út sjocht. Op 9 maart stjoerde de Italjaanske La7 54 sekonden video footage út it sikehûs yn Cremona út. Yn Nederlân—en Fryslân—is de behanneling sawat gelikens as dêre: pasjinten lizze goed fjirtjin dagen oan in beäzemingsapparaat, mei bleat boppeliif op ’e búk, de ien neist de oar yn djippe sliep. De rige grouwe roaze liven, want in hiel grut part fan de IC-pasjinten is obees, docht tinken oan reuseftige pikefilets by de Titanepoelier. Har omkeare kostet oeren. Nei de koronapleach, sei in freondinne tsjin my, krije wy in rêchklachteweach.
In relaas fan siikwêzen dêr’t de dichter psychysk yn manipulearret mei in teatraal patos, “Ofklaaid ta/ In benaude rochelferskining/ Yn in opskaald hoekje/ Dêr’t se wat lucht/ Bewarje”, krijt gjin gefoel yn ’e lêzers. Jo kinne dy hielendal net eat fiele litte. Fiksje wurket trochdat de skriuwer dingen oerdraacht dy’t barre. De lêzer fernimt dy foarfallen en is rekke as se wat foar him betsjutte, lykas yn it echte libben. As jo man it nijs lêst en oerstjoer is, sizze jo ek net fan wow, dat is oandwaanlik skreaun; jo sizze: wat is der bard? Ûntbrekken fan solide barren dat de emoasjes fundearret, of ‘sprakeleazens’ deroer—wytrigels planteit—krekt dat is melodrama. “Fier fan hûs/ Bang/ Dat dit it dan wie”. Inkeld fantasearjen oer hoe slim at it lot wêze kinne soe, kweket drama queens en tabloids, gjin poëzy.
De yntinsive ferplegers hâlde fan elke pasjint in deiboek by. Oars is dy, as er opknapt, wiken fan syn libben kwyt, sa djip sedearre as er west hat. Wiersma, lykwols, skriuwt syn lochboek inkeld foar himsels. “It skriuwen dêroer hat in soad mei my dien. Ik fielde dat ik my skriuwendewei persoanlik oan it tarieden wie, foar as it myn neisten of mysels oerkomme soe.” Mar wêrom dan publisearje? “Lieve dichters, houd uw coronakunst voor uzelf!” smeket dichter Delphine Lecompte yn it NRC—mar doch dat net. Wy hearre minder laitsjen op ’e dyk sûnt de korona yn Amsterdam kaam, dat foel myn buorman-de-Dútske-sjoernalist ek op (dat is oarenien as dy’t syn BMW net oan ’e praat krijt), wylst it betrouwen yn ’e oerheid en syn pandemymaatregels yn Dútslân in stik leger is as by ús brave boargers?
Dúdliker is it ferbân tusken pseudopoëten dy’t negative berjochten tsjin oerheidsynstituten op de sosjale media slingerje en it missen fan ynsjoch yn it belang fan literatuer yn in mienskip, lyrysker sein, it repekt foar de pinne. Yn Fryslân is de wearde fan literatuer ferlern gien neigeraden it populisme fjild wûn, dat keunst ta in hobby fan de loftse elite bombardearre en it folk ta de dichters. In Frysk gedicht hoecht net mear in sichtber punt te meitsjen; de kearn fan goeie literatuer, skriuw wat jo kenne, is no arrogant. In Frysk fers moat klinke as proaza, want dat snappe de minsken. Net langer moat oer elk wurdlid en elk lûd neitocht wurde—om’t ien skakearring fan it gefoel, ien konnotaasje of ien kombinaasje fan assonânsjes ferkeard, it risseltaat teneate docht—mar it wurk moat ‘spontaan’ út de tekstferwurker rôlje. Dat alles is fan âlds it resept foar minne poëzy.
Fan Boekel yn Snits
En
Inkeld noch
By steat
Om werom te groetsjen
As in happende fisk
Mei of sûnder spyt
Bidde
Dat immen dy asjeblyft
Werom yn it wetter
Smyt
De dichter as happende fisk is sa hilarysk dat it elkenien syn dei hjir goedmakke. It mist op in skrinende manier de briljante observaasjes fan de ‘Fish’ fan Bishop (Here and there/ his brown skin hung in strips/ like ancient wallpaper,/ and its pattern of darker brown/ was like wallpaper), dy’t it bist op ien fan har fiskreiskes nei Florida sels fongen hie. Inkeld dat makket de ferbylding autentyk. Mar yn de Fryske rimelderij moat de dichterlike foarm it ta krekt-echte poëzy meitsje: yndield yn strofen, mei rym,
Yn myn moaiste kobalt
De roppige eagen fan de maityd reitsje
Dit is gjin maskerade
Om ús te beleitsjen
of gjin rym mar haiku-eftich om’t dat der sa betsjuttingsfol útsjocht mei syn koarte rigeltsjes, en it oanroppen en ûnstjerlik meitsjen fan wichtige persoanen lykas mem, heit of in goeie freon.
Mem, wat bloeit it peasketúntsje moai
Komt heit noch wat út de trochrinpuzels?
C’est le ton qui fait la musique jildt net foar de rimelder: it giet om it boadskip. De romantyske, oftewol spontane, dichter is in profeet, hy stiet yn kontakt mei it godlike.
Lit ús
(…)
Mei alle kleur dy’t wy yn ús ha
De lockdowns temjitte hinkelje
De seine fan it urbi et orbi
Alfêst omwijreekje
It boadskip jout de dichter poëtysk nut. Want it nutsprinsipe liedt de materialistyske middenklasse, wat Shelley neamde de “excess of the selfish and calculating principle.” Syn missy, hjir it lochboek, jout him selsrespekt fia de earnst fan syn doel. Minne poëzy nimt himsels steefêst te serieus. Tagelyk—of just dêrom—blinkt it út yn nonsjalânse. Mar krekt dat makket it sa grappich.
Mar fielde daliks de panyk, frege
Dy wurkster alle woansdeis, draacht dy
Wol in mûlekapke en plestik wantsjes?
By Wiersma is de wei fan de minste wjerstân it patriottisme. Want poëzy, yn in kultuer dy’t fergetten hat wat dat eartiids wie, is in fertolking fan it libben. It is net in kronyk fan de dingen, realisme, in lochboek, mar in deiboek: in kronyk fan it tinken oer it bestean lykas “(…)dat it hielal/ Ien grutte ûnthâldromte is”. Yn ús skovele besykjen om ús in libbensfilosofy te skeppen folgje wy de dichter. “Lit ús ûnder rôzewite bledsjes/ Fan de manjolia bedobje/ Alle bodders”. Heitelânsleafde soe altyd ien fan de sterkste passys fan de minske west ha. Dus fertelt de dichter dy’t ‘likes’ wol, dy’t feitlik in poadium wol mar dat mei no net fan De Haach, namste fanatiker syn ferhalen fan tawijing, ûnferfeardens, selsopoffering, en fan rouwen oer de ferliezen.
Ik hâld alle tuskenstannen en grafiken by
As heit eartiids de trochkomsttiden
By it langebaanriden
Ik skat de eintiid yn
En brek my de kop oer hoe’t
Wy him der trochhinne skuorre kinne
Oer har meitsje ik my minder soargen
Mei al har ûngemakjes
Is se sterk as de bern byinoar
Dy’t al dy jierren fanatyk kuorbaltraining
Fan har krigen
Under de fette sentimintaliteit leit hast altyd in mineurtoanljedder. “It bliuwt in sobbersuertsje/ Mar ’t jout wat wille oan ’e dei”, en de praattaal is sûnder stoerske drokte oer fariaasje, fan beskieden nei ûnbeskamsum of heas nei fol of rûch nei tear. It is allegearre like net-fakwurk. Mar dat is de magy dy’t folle oare rimelders misse: Wiersma is ‘folksk’ en ‘earlik’ en ‘wier’ of sels ‘autobiografysk’.
Ik ha al wer even
By se yn ’e húskeamer stien
Yn in wike dat ik wis tocht te wêzen
Dat ik it net hie
“Dat ik it net hie”: it moaie doel fan it hânklappen foar de soarchmeiwurkers lêsten, it hert ûnder de riem, koe amper ferbergje dat it eigentlike motyf fan de boarger om mei syn allen de doar út te gean—sadat de aksje syn effekt ferlear—bassearre is op it ritueel beswarren fan persoanlik ûnk. Dat is wêrom’t Wiersma ymmins populêr is op Facebook. De dichter-profeet-duvelútbanner seit yn kontreien dêr’t se dochs al net folle ophawwe mei de oerheid & medisy en har fabels oer ‘mei-in-oar’, dat jo bêst gewoan lekker oan josels tinke meie.
Ja want, wat ha wy dien, suchtet in freondinne (net dy fan de synyske opmerking hjirboppe, in oarenien): Oeganda dat foar syn 42 miljoen ynwenners 55 IC-bêden hat, in radio-omrop dy’t it koronafirus “the kkk of diseases” neamt, de fersmoarge loft yn Amerikaanske stêden dy’t de kâns om dea te gean oan ’e COVID-19 noch grutter makket, Syrië dat troch ús Europeeske sanksjes neat hat om de sykte mei te bestriden, en ús domme, domme kontrarianisme as in oaljeplak op it ynternet; wat ha wy dien? Mar ik lês har in lochboekfers foar:
Lyske, Wâldfaam, Blaukraaltsje
Lit ús sokke nammen
Flamjend fluitsje, dat wy de reafallige
Kaam fan de maityd
Oer it near fan it grutte op slot
setten helje
En wy krôlje yn de schadenfreude.
Mear fan Friduwih Riemersma
Se kin wis skriuwe mar se hat it te drok Kultuerpolityk, Sirkwyseksisme en Fryske frouljusliteratuer |
Gjinien sprekt wierheid tsjin macht De tsjûgen fan de macht fan Aggie van der Meer |
Grutte hearskip gult net Koart ferhaal |
De Wuttelhaven del tritich jier letter |
Pleit foar in planeet mei in keunstprinsyp Stienkeal fan Elmar Kuiper |
Eare oan Aggie van der Meer dy’t de Gysbert Japicxpriis fertsjinnet |
De ienheid yn diggels del De koart ferhaalsyklus Ho Wu en Misty Mac van Aggie van der Meer |
Rinne yn it Waling Dykstra-wurdboek Synonimen, hast-synonimen en presisearringen fan rinne |
Bus Ien foar ien skoot ús mem de kofjekopkes en pantsjes oan ’e kant en dêr stiet er, de geheimdoaze |
Joke Corporaal har ûntmoedigjen fan de froulike skriuwers 1:4 Gysbert Japicxprizen |