útrikking Gysbert Japicxpriis 2019 oan Aggie van er Meer

Fers2 nû. 5.17, 4 novimber 2019

Utrikking fan ’e Gysbert Japicxpriis

oan Aggie van der Meer

Priis” hat syn etymologyske wearde krekt yn jild en ruilhannel. It wurd komt fan it Latynske pretium: “kosten,” “jild”; besibbe oan it Sanskryt prati: “tsjin,” “yn ruil derfoar.” … Doe’t Nicolas Cage, by it oannimmen fan de Academy Award for the Best Actor in 1996, de akademy betanke foar “har help sadat ik de grins fertroebelje koe tusken keunst en kommersje,” wiisde er op … de djippere dûbel­sinnigens fan al sokke prizen, dy’t tagelyk tsjinje as in middel ta in skynber hegere, unike foarm fan wearde en as in arena dêr’t sa’n wearde faak ûnderwurpen liket oan it meast saaklike systeem fan produksje en hannel.* Ien ding makket lykwols alles goed:

Aggie van der Meer krijt de priis.

Foar it hiele oeuvre, 10.000 euro plus 5000 earmerke foar it oersetten fan wurk, hupla út de hantas fan ús deputearre fan kultuer.

  • Sneon 16 novimber 2019
  • 15:00 oere, ynrin fan 14:15 oere ôf
  • Martinitsjerke yn Boalsert
  • Ek krijt in noch geheime jonge skriuwer de Lytse Gysbert takend. Neitiids kinne jo de literators lokwinskje yn hotel De Wijnberg.
  • Elkenien wolkom, oanmelden hoecht net.
  • Rolstoeltagonklik, stop/parkearplakken lykby de doar, iepenbiere parkearlokaasjes € 0,75 / 30 min, ringlieding net oanwêzich.

James F. English, The economy of prestige: Prizes, awards, and the circulation of cultural value, 2008

Mear fan Friduwih Riemersma

De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
Fatale Gysbertstrategyen of, de lang ferfleine lúkse fan jin ôffreegjen foar wa’t of, de lang ferfleine lúkse fan jin ôffreegjen foar wa’t in Fryskliterêre priis feitlik is
As elkenien in priis krijt is dy weardeleas en it Hânfêst is min foar keunst
Gjín oankundiging Gysbert-sjuery … eh Provinsje?
Jou dat bern in iisko It prestiizje fan in literêre priis berêst op bekwame nominaasjes
Neiklinke yn in taalfakuüm Blaumelly fan Abe de Vries
Heavens wat is it libben goed Dalik oan ’e kant skood troch de Relysjuery!

De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie
Net langer lulle no Wite mûle, swarte molke fan Elmar Kuiper
Pidgin X in rassistysk-nasjonalistysk plan
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15