image Wa is dy wite man? rassisme en plysjegeweld

Opiny

“Wa is dy wite man?”

Lilkens om ‘Floyd’ bemantelet handich ús eigen rassistysk geweld

Friduwih Riemersma - Fers2 6.3, 15 maaie 2020

Op 28 augustus 1963 wie de Mars nei Washington foar de rjochten fan swarte Amerikanen. It wie in dei om nea te ferjitten, mei skitterend helder waar en tsjin de 28 graad, de ‘I have a dream’-wurden, it opkearen fan in taspraak fan James Baldwin—dy soe te stokeljend wêze?—en tusken de 200.000 en 300.000 swarte en wite minsken op ’e dyk by de Lincoln Memorial.

It Black Lives Matter-protest hat al folle mear folk op ’e lappen brocht: bûten de Feriene Steaten is yn goed 150 stêden demon­strearre, mei elke kear tûzenen minsken dy’t skjin har nocht hawwe fan it ynstitúsjonele rassisme en ûnlykweardigens en it eksessive plysje- en boargerwachtgeweld.

Twa kilometer fan de Lincoln Memorial ôf leit it Wite Hûs. It lêste stik 16th Street dêrhinne is op 5 juny troch de boargemaster fan Washington DC, Muriel Bowser, omneamd ta Black Lives Matter Plaza. Dalik de dei dernei ferfden gemeenteskilders as in banier oer de hiele breedte fan ’e dyk—goed tsien meter—yn fette, BLM-giele kapitalen dy’t se fan ’e moanne ôf sjen kinne BLACK LIVES MATTER PLAZA op it asfalt, dêr’t fan 29 maaie ôf alle dagen demonstrearre wurdt, ûnder Trump syn noas. Google paste, ek op 6 juny, syn plattegrûn oan mei allyksa yn BLM-giel de nije namme ‘Black Lives Matter Plaza NW’.

Yn Ljouwert binne leuzen kladde en troch de gemeente weihelle foar’t de Black Lives Matter-demonstraasje begûn. Lit my riede. Blue lives matter? All lives matter? Jenny Douwes frij? Thugs? It lêste is in rassistysk wurd: jo brûke it net foar wite demonstranten, plunderders en reboeljeskoppers.

Black Lives Matter mei syn losse struktuer en ynterseksjonaliteit moa(s)t syn taal hoeden kieze. It draait om identifikaasje, ienheid en it hieltyd wer yn ’t sin bringen fan de narrative. @MikevanZeijl tweet: “Het instrumentaliseren van het oordeel van gematigde Afrikaanse diaspora om zo de terechte kritiek van/en radicalere antiracisten te kunnen delegitimeren is net zo goed tokenisme, ergo racisme.”

It Fatikaan wykt foar ’t earst yn syn bestean ôf fan de wite moffe­diplomasy by útlânsk plysjeoptreden. Pope Francis (@Pontifex) June 3: “We cannot tolerate or turn a blind eye to racism and exclusion in any form. At the same time, we have to recognize that violence is self-destructive and self-defeating. Nothing is gained by violence and so much is lost. Let us pray for reconciliation and peace.”

Al fetsje stipers de #black lives matter-uteringen op as oprop om net te ferjitten wêr’t se nei stribje, de tsjinpartij sjocht it as propa­ganda, seit Valeriana Colon. It Twitterdiskoers bringt tinkbylden, wearden, sympatyen en stânpunt-fergjende ynsjoggen. “However, for social movements to shift the perceptions of others, people need to be open to reflecting on their deeply held values and belief to determine how new information impacts their understanding of society.”

“I think a lot of the Black Lives Matter movement’s rhetoric about how pervasive racism was in America seemed far-fetched to many people,” seit in swarte demonstrant yn Washington. “But what our expectations are and what are norms are about race, all of that has changed because of Donald Trump and his election.”

Wy ha Rutte mar. “De diskusje oer ras en diskrimi­naasje liket no al wer oan te boazjen. Ik kin my net sa bot fine yn de opmerking fan minister-presidint Rutte, dat it rasisme om ús hinne in struktureel probleem is. En syn opmerking oer Swarte Pyt fyn ik der earlik sein ek in bytsje by troch. It rasisme bestiet wiswier wol, mar oft it no struktureel is? Ik bin dêr hielendal net mei grut wurden.” Skôging fan Kerst Huisman op It Nijs, 5 juny 2020.

It BLM-wurdearringssifer ûnder it Amerikaanske publyk is gigantysk steil omheech gien, netto stipe (persintaazje dat seit eat te stypjen minus persintaazje dat seit it net te stypjen) fan 6 oant 10 persint yn 2019 oant 28 persint hjoed. Dat komt mooglik troch de freedsume protestmarsen.

Dêrom hawwe se in hekel oan freedsum protestearjen. Dêrom kaam in flinke ploech white supremacists fan bûten Minnesota te helpen mei rouwen oer de dea fan Floyd. Dêrom sei Trump tsjin sjoernalisten yn it Wite Hûs: “We have our military ready, willing and able, if they ever want to call our military. We can have troops on the ground very quickly. They’re using their National Guard right now, as you know.” De trúk slagge hast, mar mislearre.

Hjir ha wy de Telegraaf om te demonisearjen + de grins fan freed­sum tichterby te lizzen. Akwasi brûkt op ’e Dam op 1 juny ynternet­taal, bûten it ynternet: “Op het moment dat ik een zwarte piet tegen­kom in november, trap ik hem hoogstpersoonlijk op zijn gezicht.” Guon swarte piten dogge oanjefte. Heechstpersoanlik is in wurd dat heger-pleatsten sizze. It iepenbier ministearje siket út at it strafber is. Ronnie Flex falt syn kollega by. Twa Veronicapresintators neame Akwasi in ‘verbindpiet’ en nimme dat hurd werom want it kin samar rassisme/oansetten ta diskriminaasje lykje. Akwasi nimt neat werom.

Ommers, ferklaaie yn in oar syn felkleur is allinne mar frijheid fan ekspresje as it bart yn jo boudoir. Op ’e dyk hat blackface in iepen­biere politike betsjutting, hielendal as se blackface yn in jierlikse prosesje meislepe: blackface bekrêftiget it publyk syn idee fan wite superioriteit. As blackface net tsjinne om wytheid te kodifisearjen lâns linen fan klasse, ynkommen, wenplak en foarkars­behanneling troch belestingtsjinst en plysje, soe it opjaan fan blackface net mear politike heisa útlokje as it opjaan fan de namme ‘negerzoen’, dêr’t net ien in sneldyk om blokkearre.

Jerry Afriyie ropt op it poadium yn Ljouwert foar 2500 minsken: “Sybrand Buma geeft geen moer om zwarte levens. Ik kan je dat zeggen. Want hij heeft ons gezegd dat Leeuwarden gaat als laatste zwarte piet afschaffen. Zijn jullie het daarmee eens?” Buma is CDA. Rjochtichheid op ierde leauwe se net yn.

Drinte begûn yn 2016 mei de reinbôgeflagge. Wylst alle oare provinsjes folgje set CDA-steatelid en gay Teus Dorrepaal in stik yn ’e Ljouwerter krante, ‘Laat regenboogvlag maar in de kast’ en dat wie dat. Niiskrekt hat it CDA Fryslân foar de reinbôgeflagge stimd, inkeld om’t it oars liket as lûkt Fryslân him neat oan fan LGBTQI-diskrimi­naasje en dat “doet ons pijn.” “Er kan en mag in onze ogen geen sprake van zijn dat een specifieke groep uit de samenleving zich onterecht [sic!] onveilig voelt”, mar diskriminaasje moatte jo echt breder nimme, seit it CDA op 28 maaie 2020.

Trije dagen earder, moandeitejûn 25 maaie (lokale tiid), is George Floyd fermoarde. Footage fan de wite plysjeman, knibbeljend op ’e nekke fan Floyd oant dy net mear beweecht of smeket “I can’t breathe”, stiet deselde jûn op it ynternet. It protest begjint oerdeis 26 maaie yn Minneapolis, ferliest op de 27ste syn freedsumens troch ‘rioters & looters’ en it deasjitten fan samar in man yn ’e gaos en, ek al wurdt de parse slim tsjinwurke, op de 28ste wit de hiele wrâld derfan. Hoe breed wol it CDA it ha?

Myn soan (dy’t yn de FS wenne hat) en ik surfe de hiele jûn oer it ynternet: antyrassistyske en antyplysjegeweld-protesten yn Memphis, Los Angeles, Denver, Phoenix en New York. Goeverneur fan New York Andrew Cuomo seit dat er him ôffreget “how many times we have to learn the same lesson.”

Want noch it brute geweld noch protesten dertsjin binne nijs ûnder de sinne. Plysjes yn funksje hawwe alle jierren tusken 2015 en 2019 sa’n 1.000 Amerikanen deadlik besketten en swarte minsken rûnen altyd mear gefaar om deade te wurden troch de plysje; yn 2020 waard dat net oars. Wol kaam rassisme en plysjegeweld folle minder yn ’e media sûnt it Trump-regear—dat is omslein nei de moard op Floyd. Oan de oare kant is de hommelske Floyd-pyk yn it resinte mediaomtinken foar rassisme en plysjegeweld mar heal sa heech as de pyk fan de teefee-útstjoeringen en kranteberjochten oer ‘Dallas’.

Op 7 july 2016 lokket Micah Xavier Johnson in ploech plysjes yn Dallas yn in leach en besjit har. Hy deadet fiif plysjes en ferwûnet njoggen plysjes en twa boargers. Johnson koe as Afganistanfeteraan goed sjitte en hy wie lilk om de sjitpartijen fan de plysje op swarte manlju. Hy woe fiif wite minsken deasjitte sei er, en just wite plysjes.

Sei lang lyn de buorfrou fan myn eks “al die zwarten bennen gliek”, Kiza Magendane waard yn ’16 skille troch de NOS: at er wat sizze koe oer de sjitterij yn Dallas. Magendane komt út Kongo en wennet yn Amsterdam.

Ik kin neat sizze oer de ferbylding fan de swarte minderheid yn de Frysktalige ferdivedaasjeyndustry. Tusken 2015 en no is der ien swarte figuer, yn in roman: in jonge thússoarger mei in mem dy’t seurt: “Elsa, ik hie tefolle dronken en wist net wat ik die, o dat hast hiel goed witten, hast ús famylje te skande makke.” Myn swarte elektrisien, helypiloat en museumkonservator mei betider pinsjoen binne kwa berop minder stereotyp en in stik feministysker, mar sy ha ek gjin swart perspektyf en dát dogge de ynstitúsjonalisearre meganismen fan útsluting: dit systeem, mei útsluten oan de iene kant en oan ’e oare kant eksploitaasje troch ‘ynklusive’ folkoare en kultureel taeigenjen, is de útkomst fan ús hieltyd fûlere kompetysje.

Elke persoan en elke winkel seit ‘der wat oer’ en ferklearret him gau solidêr. Mar @Jelle van der Meulen, lit ús moai swije. Meastal bart der nei it meifielen neat, wat Sara Ahmed ‘the nonperformati­vity of antiracism’ neamt.

De Ljouwerter krante docht in fraachpetear mei twa swarte… fuotballers. Dy hawwe har ‘darkie role’ al út de holle leard: “Maar nu ik daar wat van zeg, wordt mij haatzaaien verweten.” Definsyf is de bêste modus: “Ik zou graag willen dat men onze pijn snapt.” It protest yn Ljouwert is neffens de Ljouwerter krante net in protest tsjin rassistysk geweld yn Fryslân; it is in “solidariteitsbijeenkomst tegen racistisch geweld in Amerika en Europa.”

“Nei Amsterdam, Grins, De Haach en Rotterdam, is no Ljouwert oan bar om yn dizze koroanatiid in grutte minskemassa tsjin diskriminaasje byinoar te bringen,” seit Cor Jousma yn It Nijs op 7 juny 2020. “Myn earste reaksje wie, derhinne! Ommers alle diskriminaasje, oft it no giet om ras, geslacht, leauwe, taal of wat dan ek, moat nea wêze. Myn twadde reaksje is, minsken hoe helje jimme soks ûnder sa’n grutte pandemy yn ’e holle? Nei fjouwer demonstraasjes heakket dy fiifde demonstraasje yn Ljouwert wier neat mear ta. (…) It byinoar bringen fan sokke grutte net te kontrolearjen minskemassa’s kin derfoar soargje dat ús kwetsbere minsken (…) somtiden stjerre fan iensumens…”

De dea fan de jonge, sûne Eric Garner yn 2014, Anton Black yn 2018, Javier Ambler yn 2019, Derrick Scott yn 2019, Manuel Ellis yn 2020, George Floyd yn 2020 en Tomy Holten yn Swol op 14 maart 2020 krijt syn beslach troch smoaren by de wei fan fersmachtsjen. De boarstkas wurdt sa yndrukt dat der gjin lucht mear yn de longen komme kin. It BLM-devys ‘I can’t breathe’ komt fan de wurden fan in hiel stikmannich Afrikaansk-Amerikaanske manlju, lykfoar’t se deagiene oan fersmachtsjen troch grouwélich geweld fan plysjes.

D66-Keamerlid Marijke van Beukering freget minister fan Justysje en Feiligens Ferd Grapperhaus at dy de nekklam, dêr’t se Mitch Henriquez yn De Haach yn 2016 mei deaden, by de plysje ferbiede wol. Lilke VVD’er Dilan Yesilgöz wol ús plysje net lestich falle mei herfoarmingen, ommers wy ha der neat oan om “verhalen en retoriek uit de Verenigde Staten” yn Nederlân te ymportearjen. Noch lilkere CDA’er Chris van Dam neamt D66 in antyplysjepartij: “Is dit het antwoord van D66 op de huidige maatschappelijke onrust? Een vluggertje over de rug van onze @politie? De vragen waar we voor staan op het vlak van racisme, discriminatie en diversiteit zijn samenleving-breed en vereisen een andere discussie. Had meer verwacht van @D66”

Der kaam nea in brede diskusje oer de plysje yn Rotterdam dy’t begjin 2019 in Turksk (?) bern dat warleas op ’e grûn leit en him net ferset mei de wapenstôk op it liif en op ’e holle slacht en him pepperspray yn it gesicht spuitet.

Grapperhaus anderet dat fersmoaren lykas by Floyd net mei yn Nederlân. Hy ferwachtet ek dat it elektryske skokwapen dat er aanst by 17.000 plysjes ynfiert foar ‘ekstreme situaasjes’ de nekklam ferfange sil. Yn Nederlân is it brûken fan in taser by ky ferbean.

“Het toepassen van een specifieke vorm van de nekklem, namelijk die met verwurging, kent wel risico’s en kan leiden tot ernstig letsel. (...) Uit het onderzoek blijkt dat de nekklem een belangrijke functie heeft in de taakuitvoering. Hoewel mijn Inspectie dit niet specifiek heeft onderzocht, kan zonder meer verbieden leiden tot een hiaat in het geweldsspectrum.” “De lijn tussen controle en verwurging is in de praktijk dun. Zo kan een controletechniek bedoeld of onbedoeld overgaan in een verwurgingstechniek.” Ut ‘De nekklem’ fan de Ynspeksje Feiligens en Justysje, 22 maart 2016.

It hôf yn De Haach sprekt op 19 juny 2019 ien fan de plysjes dy’t belutsen wie by de oanhâlding fan Henriquez frij. De rjochtbank him wol feroardiele hie, mar it hôf tinkt dat it deltriuwen, slaan en spuitsjen mei pepperspray net bûtenproporsjoneel is. De oare plysje, dy’t de nekklam oanlein hie en dêrfoar troch de rjochtbank feroar­diele wie, krijt fan it hôf deselde straf: seis moannen mei betingst yn ’e finzenis en sûnder amtsferbod.

Plysjesjef Van Musscher fan de ienheid De Haach tinkt dat it plysjeoptreden by Henriquez goed wie want: “In ons land is het laatste woord aan de rechter.”

Ein jannewaris 2020 fertelle twa klokliedende ynspekteurs dat de top fan ’e Ynspeksje Justysje en Feiligens jierrenlang gefoelige ynformaasje ferburgen hat foar ûnder mear de Twadde Keamer. Dêr hearde ek it ûndersyk by nei it brûken fan de nekklam by de dea fan Mitch Henriquez.

“I strongly disagree with the final diagnosis that the cause of death was a coronary artery and anatomical aberration. How convenient that he should have died from that defect at the time that he is being restrained in a position that has been barred, banned and prohibited from various national police agencies throughout the country. This is a classical case of positional asphyxiation, in which somebody is placed face down, and then someone leans on his back, presses down on his back and he’s tasered after several minutes, and then he goes limp. That’s a classical case of positional asphyxiation.” Forensysk ekspert Cyril Wecht oer de autopsy fan Anton Black, dea troch nekklam yn 2018.

Ein jannewaris 2019, seis moanne nei Black syn dea, bringt de plysje nije bodycam footage nei bûten: dêrop hinget Black ynienen slop nei it fuortdraven foar de plysje.

“Het ter discussie stellen van de behoorlijkheid van geweldsituaties wordt veelal als een aanval op het werk van de politie gezien. Veelal is de eerste reflex van de politieleiding en de politiebonden op een geweldsincident om achter de eigen mensen te gaan staan. De politie heeft ook een sterke focus op de vraag of het geweldgebruik een strafbaar feit vormt of niet, waardoor de vraag naar de profes­sionaliteit van dat geweld onbeantwoord blijft.” “Als de nekklem te lang wordt toegepast, bestaat het gevaar dat iemand het bewust­zijn verliest of zelfs komt te overlijden.” Nationale Ombudsman, 2 juny 2013.

“Waarom heeft het Openbaar Ministerie (OM) in een persbericht gezegd dat Mitch Henriquez in het politiebusje onwel is geworden, terwijl op de beelden duidelijk is te zien dat hij al tijdens de arres­tatie buiten bewustzijn was? Wat is de reden dat dit oorspronkelijke persbericht later weer is ingetrokken? Wie heeft daartoe besloten? Tussen welke mensen van het OM en welke mensen van politie is er contact geweest? Ontstaat zo niet het beeld dat het OM de zaak in de doofpot probeerde te stoppen en van koers wijzigde toen beeld­materiaal van de arrestatie naar buiten kwam? Zo nee, waarom niet?” * Antwurd op de keamerfragen fan 5 augustus 2015 troch minister Ard van der Steur (Feiligens en Justysje): “De Rijksrecherche zal in deze zaak alle gebeurtenissen vanaf de eerste melding tot en met het overlijden onderzoeken.” (Dus net oant/mei de juridyske en politike ôfhanneling.)

Yn 2015 stelt de Najonale Plysje in spesjale pool fan 14 adfokate­kantoaren yn. Yn trije jier betellet de plysje mear as 5 miljoen euro oan topadfokaten dy’t plysjes bystean dy’t bygelyks geweld brûkt hawwe. Doe korpssjef Gerard Bouman: “Ik wil de garantie dat alleen de allerbeste advocaten mijn mensen verdedigen.”

Tagelyk besuniget de oerheid op adfokatuer foar de gewoane boarger. Want yn 2012 moat de VVD regearje mei de PvdA en dy is tsjin de minimumstraffen dy’t doe steatssikretaris fan Feiligens & Justysje Fred Teeven ha woe. “Verdere verstrenging van het strafrecht zat er nu niet meer in. Toen heb ik me toegelegd op de bezuiniging op de advocatuur. Het is een andere manier om hetzelfde effect te bereiken. Als je aan een advocaat niet al te veel tijd geeft om aan een verdachte te besteden, dan wordt het ook niet zo veel, die verdediging.”

Myn bern sieten op in ‘swarte’ skoalle, de JP Coenskoalle. Marok­kaanske, Turkske, Hindoestaanske ensf. memmen, juffen, masters tochten allegearre dat de namme fan dy wite man dy’t de 15.000 brune bewenners fan Banda Besar útroege, pynlik koloniaal wie. Wy krigen de namme net fuort.

CDA Lenny Geluk-Poortvliet @poortvli 12 juny: “Je hoeft het er niet mee eens te zijn, maar standbeelden vertellen onze geschiedenis. Schandalig om op deze manier je punt te maken!”

Striidgjalpen fan de BLM-protesten binne “Hands Up, Don’t Shoot”, wat ferwiist nei it deasjitten fan Michael Brown yn 2014, en “No justice, no peace.”

De plysje dy’t yn 2012 yn De Haach de 17-jierrige Rishi Chandrikasing deaskeat, giet frijút. De Haachske rjochtbank spruts him ein 2013 frij fan moard en fan deaslach en ûntsloech him fan rjochtsferfolging. Ommers, de plysje hie in melding krigen dat Rishi in wapen hie en hie warskôge dat er sjitte soe as Rishi him tsjin syn oanhâlding fersette en neffens de rjochters is sjitten yn it echt dreger as op de plysjetrening, sadat it de plysje net oan te rekkenjen is dat syn skot deadlik wie; dan is it gjin deaslach en moard. Dan is it in ûngelok.

Wat heakket, sjoen de fiergeande beskerming fan plysjelju, de nije wet om plysjes dy’t geweld brûke ekstra te beskermjen dan ta oan it rjocht? It wetsútstel dat minister Van der Steur yn 2016 nei de Twadde Keamer stjoerde befettet amtsynstruksjes oer wannear’t plysjes geweld ynsette meie, mar at se har dêr net oan hâlde binne se net automatysk fertochte. Se meie har pistoal folle faker brûke. Se krije der in taser by. Foar plysjegeweld komt der in aparte rjochtbank. De Twadde Keamer naam de wet yn 2019 oan en it behanneljen derfan is krekt, ûnder it wrâldwide protest tsjin rassis­me en plysjegeweld, driuwend neamd. De Earste Keamer kin de wet no oannimme wylst de Steatsrie him noch net ynhâldlik hifke hat.

“De Nederlandse politie streeft een humane rechtsstaat na, waarbinnen we zijn gericht op verbinding en de-escalatie. Als wij fouten maken, komen die aan het licht en dat is een goede zaak. Maar de Nederlandse politie is absoluut niet trigger happy,” seit Nationale Politiebond-foarsitter Jan Struijs.

Struijs wol ûndersyk nei wêrom’t syn plysje net yngripe mocht op it BLM-protest op de Dam: “Ze begrijpen niet waarom er toch niet is ingegrepen, want dat had heel vredelievend gekund.”

Massale mobilisaasje foar BLM liket hoopfol, mar wat sit der efter ús fasade fan goedwilligens? Systematysk rassisme útbalje is in ynherint politike striid én in delheljen fan jo eigen komfortabele status quo: dat in lange wei. Nei in ieu fan striid is ús seksisme net útballe.

Tink om it Occupy-effekt: goed gefoel-protesten brekke it aktivisme.

De Ljouwerter krante ûnbleatet op 15 juny opnij it gefoel fan swarte en brune Ljouwerters, “Ergens van binnen voel ik mij minderwaardig”, mar seit net hoe faak at plysjegeweld tsjin har bart.

“Wie is er eigenlijk tégen transparant communiceren over de toepassing van geweld door de politie?” Controle Alt Delete, 15 juny 2018. Op 14 juny 2020 bringt de plysje noch gjin sifers út. Jaïr Schalkwijk fan Controle Alt Delete: “Sinds 2016 houden wij bij hoeveel mensen er onder de verantwoordelijkheid van de politie zijn omgekomen. Dat zijn er 41. Bijna de helft heeft een migratie­achtergrond. Er is sprake van een enorme over­vertegen­woordiging.”

Sûnder plysjegeweldsifers fan de nasjonale plysje: hoe wit de oerheid dat wy ferlet ha fan in nije wet om plysjes te beskermjen?

@Thomas Sowell: “People somtimes ask if I have tried to convince black “leaders” to take a different view on racial issues. Of course not. I wouldn’t spend my time to persuade the mafia to give up crime. Why should I spend time to convince race hustlers to give up victimhood?” Sowell, in swarte Hoover Institution fellow, ûntkent of ferdigenet steefêst Trump syn rassisme. Op 22 maart 2019: “I’ve seen no hard evidence. And unfortunately we’re living in a time where no-one expects hard evidence. You just repeat some familiar words and people react pretty much the same way Pavlov’s dog was conditioned to react to certain sounds.”

@realDonaldTrump, May 31: “The United States of America will be designating ANTIFA as a Terrorist Organization.” “Very good decis­ion by him.” Thierry Baudet tsjin WNL op moarndeitemoarn 1 juny.

Ynfiltrearjen yn Antifa is ienfâldich. Ommers, it is in direkte-aksje­platfoarm sûnder lidmaatskip of foarman. Antifa, de antyfassis­tyske beweging dy’t BLM al jierren stipet, is bekend fan de botsing fan wite rassisten en nasjonalisten mei tsjindemonstranten op de white supremacist-demonstraasje fan 11-12 augustus 2017, dêr’t in white supremacist in frou dearied. Trump sei dat der “very fine people on both sides” wiene en joech “many sides” de skuld fan it geweld, mar neamde mei klam Antifa. Hoe’t ynfiltraasje fan white supremacists keppele is oan ’e plysje is nea dúdlik, wol dat dat hiel gefaarlik is.

Amerikaanske plysje falt sjoernalisten oan op BLM-protesten en ferwûnet en arrestearret har en docht dat ek mei juridyske waar­nimmers en medysk personiel.

Hjir ferjit de parse it plysjeoptreden. NOS op 10 juny: “De vergeten arrestatie van Tomy Holten opeens in de schijnwerpers.”

Mondy Holten op 17 maart ’20 oer syn broer: “Wat hebben die agenten gedaan dat Tomy onwel werd?” “Of ze een nekklem hebben toegepast? Goede vraag, ik weet het niet.” In ambulânsemeiwurker “heeft beoordeeld dat hij met de politie mee kon en niet naar het ziekenhuis hoefde. Daar zijn toch protocollen gevolgd? Hoe kan dat het dan dat mijn broertje anderhalf uur later dood is? Als iemand helemaal naar de klote is, stuur je hem toch naar het ziekenhuis?” “Hoe groot was de kans geweest dat mijn broer niet was overleden als hij naar het ziekenhuis was gebracht?” “Tegen mij is gezegd dat hij in de gang is overleden. In het persbericht van de politie staat dat het in zijn cel was. Ik weet honderd procent zeker dat hij niet in zijn cel was toen hij overleed.”

Footage lit sjen dat op 14 maart 2020 teminsten fiif boargers en plysjes op de swarte Tomy Holten út Swol sitte, wylst er mei it gesicht op ’e dyk leit. Ien plysje triuwt syn knibbel yn Holten syn rêch. In oar trapet mei de skoech syn gesicht op ’e grûn. Holten hat gjin wapens by him. Hy die neat strafbers. De ryksresjersje siket út wat der bard is. Plysjewittenskipper oan de VU Jaap Timmer seit: “Druk uitoefenen op de torso is een bekend risico als iemand op zijn buik ligt. Het is niet aan te bevelen.”

Yn Londen driuwt swarte plysje in wyt feest utinoar. Ien wite jonge, Danny, is slim ferwûne om’t er him ferset hat tsjin arrestaasje en de plysje him delslein hat. In oare, Callum, beslút him oan te melden by de prestisjeuze swarte Mercy Cross militêre akademy. Syn mem wurket as húshâldster by de Hadleys, in rike swarte famylje. —Oflevering 1 fan Noughts + Crosses, útstjoerd op 5 maart 2020.

Mear fan Friduwih Riemersma

Se kin wis skriuwe mar se hat it te drok Kultuerpolityk, Sirkwyseksisme en Fryske frouljusliteratuer
Gjinien sprekt wierheid tsjin macht De tsjûgen fan de macht fan Aggie van der Meer
Grutte hearskip gult net Koart ferhaal
De Wuttelhaven del tritich jier letter
Pleit foar in planeet mei in keunstprinsyp Stienkeal fan Elmar Kuiper
Eare oan Aggie van der Meer dy’t de Gysbert Japicxpriis fertsjinnet
De ienheid yn diggels del De koart ferhaalsyklus Ho Wu en Misty Mac van Aggie van der Meer
Rinne yn it Waling Dykstra-wurdboek Synonimen, hast-synonimen en presisearringen fan rinne
Bus Ien foar ien skoot ús mem de kofjekopkes en pantsjes oan ’e kant en dêr stiet er, de geheimdoaze
Joke Corporaal har ûntmoedigjen fan de froulike skriuwers 1:4 Gysbert Japicxprizen
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15