image

Wachtsje op de lêste debutant?

Untjouwingen yn it utjaan fan Frysktalige poëzij, 2005-2016

Abe de Vries en Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 2.6, 20 maart 2016

It tal útjeften fan nije Frysktalige literêre poëzij rint tebek. De lêste perioade fan seis jier, 2011 oant en mei 2016, telt 40 publikaasjes yn de kategory net-werprinte, net-sammele artistike gedichten. De dêroan foarôgeande perioade fan seis jier, 2005 oant en mei 2010 telde 60 publikaasje. Dat is in ôfnimmen fan 20 publikaasjes, in tredde part.

De fraach is fansels hoe’t dizze sifers ynterpretearre wurde meie. Wrâldwiid hawwe tûzenen essees de dea fan de literatuer/roman/fiksje oankundige mar wy wachtsje noch altyd. Dêrneist is it net konstruktyf om te roppen dat de wolf komt. Dat is net om’t lykas yn Esopus’ fabel gjin minske de needgjalp langer leauwt, mar om’t just keazen wurde kin om it wol te leauwen en de earmen oer inoar te slaan, as wie it foar rêding al te let.

Mar dizze ferhanneling is gjin symboalpolityk. Yndie giet it om in beheind tiidrek, mei-inoar tolve jier, fan 2005 oant en mei 2016, en in beheind en kwetsber sjenre, dat fan de ‘hege’ poëzij. Mar as de befiningen yn in grutter tiidrek set wurde, troch ek te sjen nei it publikaasjetal fan foar 2005, komt de omleechgeande line ûnmiskenber nei foaren. As de it publikaasjetal fan de literêre poëzij ôfset wurdt tsjin dat fan alle ferskynde Frysktalige poëzijútjeftes, ynklusyf samle wurken, blomlêzingen, oersettingen en bernerymkes, dan fersterket dat it byld fan delgong. Allyksa krijt men dat byld as men it tal debutanten yn de literêre poëzij fan de lêste jierren yn in grutter ramt besjocht. Dat liket it ôfnimmen fan it tal fan literêr-poëtyske publikaasjes riskanter te meitsjen.

Poëzij is de ekspresje fan ferbylding. Ferbylding is dat wat ús de oerienkomsten sjen lit tusken tiden, ideeën en minsken, de brêge fan de oarsprong fan de minske nei ús minsklikheid hjoed. Dêrom is poëzij in ferriking fan ús beskaving. Dat mei in romantyske fisy wêze op de poëzij, dy’t meastentiids besjoen wurdt as kommersjeel jammerdearlike lyryk. Mar wa’t de wearde fan literatuer sjocht yn it ûnderstypjen fan de taal mist folslein it punt.Provinsje Fryslân, Grinzen oer, Nota Kultuer, Taal en Underwiis 2013-2016, 44 <www.fryslan.frl/3445/nota-cultuur,-taal-en-onderwijs-2013-2016/files/[01]grinzen oer frl.pdf> [krigen 16 maart 2016].

It giet yn dizze ferhanneling net om de eventuele ekonomyske gefolgen mar om it finen fan de kulturele en politike ferklearring en betsjutting fan de sifers. Dêrfoar sille earst de gegevens besjoen wurde. Dan kinne de faktoaren oanwiisd wurde dy’t yn it algemien ferantwurdlik binne foar ûntjouwingen yn it ferskinen fan nije literatuer. Dêrút binne in stikmannich faktoaren te selektearjen dy’t wurksum binne yn de Fryske literêre kontekst en dy’t soargje foar in riskante situaasje yn de ‘hegere’ kultuer. Ofsletten wurdt mei beliedsoanbefellingen foar in sterke poëzij, foar provinsje, kulturele ynstituten en oare nigethawwers.

De gegevenssamling is dien op basis fan de jierlisten ‘List fan nij ferskynd wurk, op kalinderjier’ fan Tresoar, fan it tiidrek 2005 oant en mei 2015,‘List fan nij ferskynd wurk, op kalinderjier’, Sirkwy: Fryske literatuerside, Tresoar 2008-2016 <http://www.sirkwy.nl/titel/965#.Vub4ffnhDnB> [krigen 15 maart 2016]. de list ‘Literaire Friese poëziedebuten sinds 1980 met geboortejaar en leeftijd van de debutant’,‘Literaire Friese poëziedebuten sinds 1980 met geboortejaar en leeftijd van de debutant’, Sirkwy: Fryske literatuerside <http://www.sirkwy.nl/cms/FCKeditor/cstmFiles/wwwsirkwynl/titels/documenten/literaire_poeziedebuten_sinds_1980_nl.pdf> [krigen 15 maart 2016]. oanlein troch de redaksje fan De spiegel van de Friese poëzie (2008) en ynformaasje fan de útjouwers, benammen oer de poëzijútjeften yn it jier 2016. De gegevens binne mei-inoar ferlike en korrizjearre mei help fan ferkeapynformaasje en al sa mear.

De stekproefkritearia binne, earst, ferskining binnen it tiidrek 2005 oant en mei 2016, twad, publikaasje op papier (yn de oanbelangjende jierren binne gjin digitale poëzijbondels ferskynd), tred, net earder (yn bondel) publisearre en fjird, literêre poëzij. Foar it lêste kritearium binne de betingsten oernommen fan de list ‘Literaire Friese poëziedebuten’,‘Literaire Friese poëziedebuten sinds 1980 met geboortejaar en leeftijd van de debutant’, Sirkwy: Fryske literatuerside <http://www.sirkwy.nl/cms/FCKeditor/cstmFiles/wwwsirkwynl/titels/documenten/literaire_poeziedebuten_sinds_1980_nl.pdf> [krigen 15 maart 2016]. nammentlik de útjouwer moat in literêr fûns ha, of letter wurk moat útjûn wurde troch in útjouwer mei in literêr fûns, of it wurk moat earder publisearre wêze yn in literêr tydskrift. Neist dy prosedurele betingsten binne de akseptearre stylistyske en estetyske mjitstêven brûkt lykas as dy foar kanons en blomlêzingen hantearre wurde.

By de ferwurking fan de gegevens is gjin gebrûk makke fan statistyske berekkeningen. De lege oantallen meitsje dat gemiddelden (mean) in sa grutte standertflater hawwe dat statistyske ferhâldingen net betrouber binne. Wêr’t dat ynsjoch jout is it trochsneed (mean) ferfongen troch de mear sizzende mediaan. Persintaazjes kinne misliedend wêze, benammen by lege sifers, dat ek dy wurde net brûkt. Koartsein, de absolute sifers wurde presintearre en ynterpretearre.

Sifers

De tabellen 1, 2 en 3 en de grafiken 1 en 2 litte de feroaringen yn it oantal publikaasjes fan nije literêre poëzij sjen (sjoch bylage A). Dêrnei litte tabel 4, 5 en 6 de kontekst sjen fan it ferrin yn it útjaan fan net-literêre poëzij en alle poëzij (sjoch bylage A). It tal debutanten (sjoch bylage B) wurdt werjûn yn tabel 7 en 8 en grafyk 3.

Tabel 1. Oantal útjeftes nije literêre poëzij 2005-2016

tabel-1

Mediaan 2005-2010: 10 útjeftes.

Mediaan 2011-2016: 7 útjeftes.

Tabel 2. Utjeftes nije literêre poëzij, de útjouwerij, jiers

tabel-2
  • FPB = Friese Pers Boekerij, FF= Frysk en Frij, GRS/DR = Gerben Rypma Stifting/De Ryp, H/C = HotSum/Contrabas, KU = Koperative Utjowerij, UF/Afûk = Utjouwerij Fryslân/Afûk.
  • * Elikser is oprjochte yn 2007.
  • ** De Koperative Utjowerij is opheft yn 2007.
  • *** Venus is opheft yn 2011.

As nei de útjouwerijen sjoen wurdt dy’t de measte literêre poëzij publisearren, yn Tabel 3, dan falt op dat Bornmeer en de Friese Pers Boekerij tusken 2005 en 2016 mear útjeften dien hawwe as de fjouwer wat útjefte-oantallen oanbelanget dêrop folgjende útjouwerijen mei-inoar, mei in pyk fan Bornmeer fan 2006 oant 2008 en fan de Friese Pers Boekerij, fan 2007 oant 2010.

Grafyk 1. Oantal útjeftes nije literêre poëzij 2005-2016

grafyk-1

Tabel 3. Utjeftes nije literêre poëzij, mei-inoar 2005-2016

tabel-3

Tabel 3 lit sjen dat de rol fan de grutte útjouwerijen, Bornmeer en de Friese Pers Boekerij, grut is yn it earste tiidrek, mar gâns ôfnimt yn it twadde tiidrek. Opmerklik is dat de lytse útjouwerijen, en dêrûnder benammen Hispel, yn it twadde tiidrek folle mear literêre poëzij útjouwe.

Grafyk 2. Oantal útjeftes nije literêre poëzij 2005-2016

grafyk-2

Tabel 4. Oantal útjeftes net-nije of net-literêre poëzij 2005-2016

tabel-4

* Gjin sifers oer 2016, dus de mediaan is by de jiersifers opteld.

Mediaan 2005-2010: 13 útjeftes.

Mediaan 2011-2016: 9 útjeftes (2011-2015).

Tabel 5. Oantal útjeftes nije literêre en net-nije / net-literêre poëzij 2005-2016

tabel-5

* Gjin sifers oer 2016, dus de mediaan is by de jiersifers opteld.

Mediaan 2005-2010: 22,5 útjeftes.

Mediaan 2011-2016: 15 útjeftes (2011-2015).

Tabel 6. Utjouwerijen nije literêre en net-nije / net-literêre poëzij 2005-2015

tabel-6

* NB. It giet hjir om in it tiidrek 2005-2015 want fan 2016 binne net alle publikaasjes bekend.

Ek yn it útjoufjild ‘nije literêre en net-nije of net-literêre poëzij’ dominearje de útjouwerijen Bornmeer en Friese Pers Boekerij, mei de oantekening dat sûnt 2007 ek útjouwerij Elikser in belangrike rol spilet. Elikser, Hispel, HotSum en de Gerben Rypma Stichting/De Ryp hawwe it ferdwinen fan de Koperative Utjowerij en Venus sa likernôch goedmakke.

Tabel 7. Debuten literêre poëzij 2005-2016, mei/sûnder ferfolchbondel

tabel-7

B = Bornmeer, FF = Frysk en Frij, FP = Fries Pers Boekerij, H = Hispel, V= Venus, o = oars

* In folgjende poëzijpublikaasje nei it debút; 1 poëzijdebutant fan 2007 en 1 fan 2008 binne oerstapt op proaza.

Fan de 15 debutanten yn de literêre poëzij út it earste tiidrek, 2005-2010, binne 6 dichters fierder gien mei it skriuwen (en publisearjen) fan literêre poëzij. Oft it tal fan poëten foar ien kear útsûnderlik is, is troch it ûntbrekken fan sifers net fêst te stellen. Oer trochgean of foar-ien-kear yn it lêste tiidrek is noch neat te sizzen, om’t it skriuwen fan poëzij likegoed as it útjaan derfan stadige prosessen binne.

Tabel 8. Ferrin tal debutanten literêre poëzij 1980-2016

tabel-8

* 1980: 1 debutant.

As wy de ôfrûne 35 jier yn perioades fan seis jier ferdiele, komt nei foaren dat yn 2005-2010 it tal debutanten wat boppe de trend lei (mar, as men it berekkenje koe, wierskynlik net sinjifikant heger). Nammerste dúdliker sjocht men lykwols dat de 5 debutanten fan it tiidrek 2011-2016 fier ûnder de trend leit (sjoch Grafyk 3).

Grafyk 3. Tal debutanten 1981-2016

grafyk-3

Al mei al is in ôfnimmen te sjen fan alle tallen. Sels as wy in flatermarzje oannime fan 1 nije literêre poëzijútjefte plus of min it jier, dan is yn it geunstichste gefal de weromrin fan 54 yn de earste peroade nei 46 yn de lêste, wat al nuodlik is. Mar ek it tal fan útjeften fan net-nije of net-literêre poëzij nimt ôf, lykas as dy fan de folle kwetsberder nije literêre poëzij. Tagelyk is it debutantetal yn de ‘hege’ poëzij flink leger as earder. Dêrom hâlde wy it derop dat it tal literêr-poetyske útjeften sterk ôfnommen is, fan 60 yn de earste peroade nei 40 yn de twadde perioade.

Eftergrûn en ynterpretaasje

image

Al hoe’t jo it ek besjogge as in lichte benearing, dy’t samar oer is, der is in kwantitative delgong yn de literêre poëzij. Hoe kin no dy delgong ferklearre wurde? Foar it ‘hoe’ fan in ferklearring moat beslist it ‘wêrom’ yn ‘e gaten holden wurde: wy wolle ferklearje om’t wy sûnder ynsjoch yn de mear ferhoalen faktoaren net by in remeedzje—as dat nedich is—komme kinne, mar hingjen bliuwe yn symptoombestriding fan de yn it each springende gefolgen. It ‘feit’ dat poëzij op de planke fan de boekhannel stean bliuwt soe oanpakt wurde kinne troch de provinsje as standertrelaasjegeskink Fryske poëzij útdiele te litten. Mar men mei him ôffreegje oft jierren fan sok pleisterplakken net just de weromfal fan nije poëzijpublikaasjes yntinsivearre hawwe.

It is fan belang om by it sykjen fan in ferklearring it probleem net út syn kontekst te lûken, oars sein de weromrin fan publikaasjes fan literêre poëzij, de weromrin fan alle poëzijpublikaasjes en de debutantewurgens net as trije aparte problemen mar as in gearhingjend gehiel te sjen.Problematysk oan it grutte ûndersyk nei de tastân fan de Fryske literatuer, dat op it stuit troch de tydskriften Ensafh en de Moanne útfierd wurdt yn opdracht fan de Provinsje Fryslân, is dat sûnder teoretyske, empiryske of wat foar ûnderbouwing dan ek, foarôfgeand oan sels de minimaaltse foarm fan foarûndersyk, de hiele problematyk opknipt is yn dielûndersiken. De relaasjes tusken de faktoaren dy’t fan ynfloed binne op de ûntjouwingen yn de Fryske literatuer rinne sadwaande in grutte kâns om út sicht te bliuwen. In klassifikaasje fan faktoaren op grûn fan prosessen stelt ús by steat it holistyske perspektyf te bewarjen. Oan it ferskinen fan in bondel gean trije prosessen foarôf: it proses fan it skriuwen, it proses fan redaksje en begelieding en it proses fan korreksje, printen en útjaan. Neffens in quick & dirty yndieling binne der dus in artistyk proses, in ambachtlik proses en in produksjeproses.

It artistike proses driuwt op kennis en feardichheden yn it spesifike poëtyske en talige domynMihály Csíkszentmihályi, Creativity: Flow and the psychology of discovery and invention (New York 1996). en motivaasje. It earste opstakel riist dus al dalik libbensgrut op. It fierhinne ûntbrekken fan ûnderwiis yn de Fryske taal liedt ta in ôfnimmen fan it tal fan minsken dat Frysk behearsket op it foar literêre poëzij fereaske akademyske nivo. Mar in lyts part fan de (85 yn 2015) eineksamenklanten yn it fak Frysk hat Frysk op vwo-nivo folge en oer de kwaliteit fan it vwo-eksamen kinne fragen steld wurde.Doortje Smithuijsen, ‘Fries (vwo) Hoogleraar Goffe Jensma (Friese taal- en letterkunde, Rijksuniversiteit Groningen) doet examen. „Bij vwo mag je toch meer verwachten.”’ NRC, 29 maaie 2015, <www.nrc.nl/handelsblad/2015/05/29/of-je-van-dit-examen-nou-goed-fries-leert-tja-1501893> [krigen 16 maart 2016]. Wa’t de taal op in heger nivo prate wol moat himsels mar rêde. Mar men mei net ferwachtsje dat wa’t it fak Frysk folge hat gedichten publisearje kin, likemin as dat learlingen nei it eineksamen tekenjen har doeken yn de galery krije. Net talint of ynspiraasje liede ta útblinken, mar systematyske, yntinsive trening.Mihály Csíkszentmihályi, Creativity: Flow and the psychology of discovery and invention (New York 1996). Foar dy trening binne treners nedich. Dy binne der hast net; Fryslân mist profesjonele dichters dy’t ree en by steat binne om it fak oer te dragen. It bêste alternatyf is de—treflike—Open Yale course Modern Poetry. Mar de Yale-professor klimt nea út it ynternet om de aspirant-dichter oer de holle te aaien. It is in iensum proses. Nammerste mear komt it oan op motivaasje, earst motivaasje om in taal mei in lege status, dy’t nearne mear geef sprutsen wurdt, dochs goed te learen en twad om yn iensumens te oefenjen op it skeppen, yn it besef dat de útkomst altyd minder is as mei in trener.

It ambachtlike proses fan it útjaan fan poëzij omfettet folle mear, of soe dat alteast dwaan moatte, as it garjen fan ynstjoeringen of manuskripten en it sykjen fan mooglikheden om de ferliespost fan de poëzij goed te meitsjen. It ambachtlike proses is yn it foarste plak it redaksjonele proses, dat wol sizze it fuortsterkjen fan de artistike ûntjouwing fan de dichter. Mear as ynhâldlike bejeftigens ferûnderstelt it proses in grutte kennis fan it literêre fjild en emininte coachingsfeardichheden—en in obsessyf idealisme plus in rike partner want it redaksjewurk is yn de regel ûnbetelle. Yn in miljeu fan wurdearring foar keunst, skientme, ekspertise, autonomy en demokrasy baarne dizze minsken net gau op. Mar yn in wrâld dêr’t de kranten de dichtbondels arbitrêr—want wa wit no wêr’t ien stjer foar stiet—mei in stikmannich stjerren beoardielje is men gau troch syn wiere redakteuren hinne. Dat is wat wy no sjogge. De artistike ûntjouwing fan dichters wurdt net goed begelaat en kwantiteit én kwaliteit fan poëzijpublikaasjes nimme ôf.

Dan it produksjeproses. Kwantiteit en kwaliteit fan nije poëzij binne net beskiedend; dat is de potinsje as massaprodukt. It omtinken is ferskood fan ynhâld nei foarm. Mar om’t de ynhâld fergees is—mar in peartûzen dichters op ’e wrâld wurde betelle foar har wurk—makket de foarm it publisearjen fan poëzij djoerder. In útjouwershûsstyl skeelt de foarmjouwer en omslachûntwerper en makket in útjefte goedkeaper, mar útjouwers biede dat faak net mear oan. Ommers de keaper pikt, sûnder priuwe te kinnen, in bondel om syn artistikerich etiket.Boekhannels binne selsbetsjinningssupermerken wurden. Sjoch Jeremy Spence, ‘A harsh truth about poetry publishing…’, Real Pants, 28 jannewaris 2015 <http://realpants.com/harsh-truth-poetry-publishing/> [krigen 16 maart 2016]. Sels útjaan kostet in stik minder en in eigen-behear e-book kostet neat. Mar in papieren bondel by in útjouwer mei in literêr fûns is faak in betingst foar subsydzjes, beurzen en fûnsen foar nij wurk, dêrom kiest de dichter dêr hast altyd foar. Dêrneist besprekke de media, ek de literêre media, inkeld de boekjes dy’t yn de winkel lizze, en gjin e-, online of tydskriftpublikaasjes. Troch de oerwurdearring fan de dichtbondel as objekt is de beskikberens fan publike en private finansiering groeid ta in frij twingend merkûnderstypjend systeem. Oerheidssubsydzjes foar keunst hingje oer nei weromstreamen nei de ‘steats’-ekonomy; se komme mar foar in lyts part oan by de keunst.It ûndersypjen fan de nasjonale of regionale ekonomy is sa’n bytsje wêr’t kultuersubsydzjes foar binne: “But no one person benefits to the extent that the nation does.” Gary Raymond, ‘From the editor | Public subsidy of the arts: How many times must we win this argument?’, Wales Arts Review, 18 jannewaris 2016 <http://www.walesartsreview.org/letter-from-the-editor-how-many-times-must-we-win-this-argument/> [krigen 16 maart 2016]. Net langer wiist de útjouwer-âlde-styl oan wat útjûn wurdt, mar in manager sûnder duorsume relaasjes mei syn ‘klanten’, dy’t net selden ûnferskillich is foar etyk, estetyk of literêre wearde.‘Writer beware: Vanity/subsidy publishers’, SFWA, s.j. <http://www.sfwa.org/other-resources/for-authors/writer-beware/vanity/> [krigen 16 maart 2016].

Gearfetsjend: hieltyd minder minsken besitte de basiskennis en feardichheden dy’t needsaaklik binne foar it skeppen fan literêre poëzij en/want it wurdt dreger om dy kennis en feardichheden te winnen; hieltyd minder redakteuren binne beskikber om de artistike ûntjouwing fan de dichter te begelieden; hieltyd mear wurdt it kommersjele objekt finansiere, ynstee fan de keunstsinnige ekspresje.

As in proses ûnderbrutsen wurdt is der in probleem. It ferskil tusken in ynsidint en in probleem is dat in ynsidint samar foarfalt, mei in tydlike reparaasje, in alternatyf of in permaninte reparaasje oanpakt wurdt en, ôfhinklik fan de frekwinsje en de earnst fan de gefolgen in probleem wurde kin of dat net wurdt—en in probleem hat oanwiisbere en as men neat docht bliuwende oarsaken en freget dêrom om in wiere oplossing. As de ferantwurdlike eat net oplosse wol, neamt er it in ynsidint, of leaver noch in krisis. Krisissen geane altyd wer oer.

In hypotetyske krisis is dat der ynienen gjin literêrpoëtyske manuskripten binne, bygelyks om’t literêre dichters publisearje yn in oare taal, lykas de Nederlânske, of publisearje yn literêre tydskriften, of oerstapt binne op in oar sjenre, lykas proaza, of opholden binne mei dichtsjen troch privee- of oare omstannichheden, of om’t literêre blêden en oare media minder belangstelling krigen foar poëzij, der minder útjouwerijen kamen of it belied fan útjouwerijen feroare mei konsekwinsjes foar it fûns. In oare hypotetyske krisis is dat der genôch literêre poëzij oanbean wurdt oan útjouwerijen, mar dat dy dat net publisearje kinne. De redenen dêrfoar kinne wêze dat de útjouwerij gjin poëzij yn syn fûns hat, it manuskriptoanbod oerstelpjend is, de kwaliteit te leech is, of de finansiering foar publikaasje net slagget. En al dy ôflate redenen en oarsaken binne dan ynsidinten, tafallige hobbels op ’e dyk—oars wie it gjin krisis. Dat is hiel ûnwierskynlik. Mar lit ús dochs ris sjen.

Wat de priveeoarsaken om net langer te publisearjen oangiet is it net ûnmooglik dat de dea fan Tsjêbbe Hettinga en Harmen Wind in gat slacht yn de stream publikaasjes fan literêre poëzij en ek spiritueel fakúum efterlit. Yn in sûne literatuer lost dat himsels wol wer op. Wat kinne ommers de nije dichters de dead white males skele; en se ha gjin foarbylden nedich en ynstruksje al hielendal net.Projekt Skriuw, kosteleaze skriuw- en manuskriptbegelieding troch skriuwers en redakteuren, is yn 2015 ôfsletten om reden fan te min oanmeldingen. Ut de oanmeldingsside foar de skriuwkursussen fan Tresoar blykt dat der plakken iepen bliuwe. Se binne bliid dat de âlde generaasje út de wei is sadat de poëzij him fernije kin. Yn Fryslân sjogge wy lykwols, oars as yn ûnder mear Ingelân, wol minder tradisjonele publikaasjes op papier, mar gjin tanimmen fan poetry slam, spoken word of oare literêre foarmen.Billy Mills, ‘Poetry is not drowning, but swimming into new territory’, The Guardian: Books, 30 maaie 2013 <http://www.theguardian.com/books/booksblog/2013/may/30/poetry-new-territory-sales-salt-publishing> [krigen 16 maart 2016]. Dy fernijing is net oantreklik om’t er yn Fryslân net serieus nommen wurdt; de media en literêre krityk besprekke inkeld tradisjonele bondels.

Dat wol sizze, se besprekke boekjes, as se besprekke. Mar nei de fusy yn 2009 fan de literêre blêden Farsk en Hjir ta ensafh is der dúdlik minder omtinken foar it besprekken fan poëzij. Ek wurkje de lette besprekken yn ensafh, soms krekt in jier nei ferskinen, earder ûntmoedigjend as stimulearjend.Sifers noch net beskikber. Tagelyk is ek de romte foar poëzijbesprekken yn de beide deiblêden, de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad, de lêste jierren folle minder wurden. Wat de oerweaging fan de krante- en tydskrifteredaksjes ek wêze mei, it net of net yngeand of serieus besprekken fan poëzij is in sinjaal foar it publyk dat poëzij net belangryk is. Tresoar, Fryske Akademy en oare ynstellingen litte ek gjin niget sjen oan de analyse fan poëzij—oan literatuer tout court—en ek hawwe se de ekspertise net yn ’e hûs. Fyslân mist belutsen, bejeftige poëzijkritisy. Dat is deselde, of in sterk oerlaapjende, groep as de poëzijredakteuren; dy binne der net en dat is in struktureel probleem. It plakken fan de pleister fan de provinsjedichter—wêr bliuwt dy trouwens—sil net helpe.

Der binne net minder útjouwerijen.De útjouwerijen Elikser (oprjochte 2007), Hispel, HotSum/Contrabas (Contrabas 2005, HotSum/Contrabas 2014) en Gerben Rypma Stichting/De Ryp (2001) hawwe wat it publisearjen fan literêre poëzij oangiet it plak ynnommen fan de Koperative Utjowerij (opheft 2007) en Venus (opheft 2011). De provinsje ûnderstipet it útjaan fan Frysk wurk; elkenien dy’t in stichting oprjochtet komt foar dy útjouwsubsyzje yn ’e beneaming en is dan útjouwer. Wol ha der beliedsferoaringen west by útjouwerijen, nammentlik by de grutste leveransiers fan literêre poëzij, Bornmeer, yn 2009, en de Friese Pers Boekerij, begjin 2011. Beide koertswizigingen wiene ynjûn troch bedriuwsekonomyske motiven en waarden top-down ynfierd, de twa hiel aktive literêre poëzijredakteuren hiene neat te sizzen: de poëzij moast der út en sy ek.Bornmeer likegoed as de Friese Pers Boekerij hiene yn perioade 1 in bysûnder aktyf akwisysje- en begeliedingsbelied. Bornmeer koe dêrby gebrûk meitsje fan syn earder (2000-2004, mei debuten fan ûnder mear Tsead Bruinja, Abe de Vries, Arjan Hut en Elmar Kuiper) opboude goede reputaasje as poëzij-útjouwer; by de Friese Pers Boekerij makke útjouwer en dichter Abe de Vries fan 2006 ôf in spearpunt fan it redaksjoneel begelieden fan dichters en it útjaan fan poëzij. It ‘poëzij-aksint’ yn perioade 1 docht ek dúdlik bliken as nei it tal literêre dichtbondel-debuten sjoen wurdt: 15 yn perioade 2005-2010 en 5 yn perioade 2011-2016. Besunigjen op de redakteur is gjin ynsidint; it is in probleem.

Konklúzje

image

Wat de sifers feitlik sjen litte is: it publisearjen fan poëzij én it net publisearjen fan poëzij leit foar it grutste part yn hannen fan de redakteur. Dy befining wykt net ôf fan de wrâldwide ûnderfining dat it súkses fan in (heech-)literêr tydskrift en in literêre útjouwer ôfhingje fan de persoanlike ynset fan in belutsen saakkundige dy’t wurket foar de keunst en net foar it jild. In redakteur kin de beslissing om (troch) te skriuwen net nimme foar de dichter, mar wol beynfloedzje. De beslissing om te publisearjen leit dêrnei by de redakteur. In goede redakteur siket proaktyf nei publikaasjes én warskôget om noch net te publisearjen.Michael Lista, ‘On poetry: Publish less’, National Post, 7 febrewaris 2014 <http://news.nationalpost.com/arts/books/michael-lista-on-poetry-publish-less> [krigen 16 maart 2016]. Dy redakteuren binne der minder, of se hawwe minder hannelingsfrijheid. It management beslút no oer de publikaasje, mar begeliedt, coacht en stimulearret hielendal net. Mar artistike ûntjouwing, it paad nei literêre kwaliteitspoëzij, kin net sûnder begelieding, coaching en stimulearring.

Beliedsoanbefellingen

As de redakteur de gefoelige funksje is yn it hiele proses fan artistike sensitiviteit nei in literêre publikaasje, dan is it net mear as logysk dat dy funksje beskerme wurdt tsjin merkkrêften en fuortbesunigjen. As wy dêrneist oannimme dat mei de provinsjale subsydzje foar it útjaan fan Frysktalige literatuer de troch de útjouwer ynhierde korrektors, foarmjouwers, yllustrators en de administrative krêften har wol rêde op de arbeidsmerk, dan liket it net langer winsklik om de produksje fan poëzijbondel yn syn gehiel te finansieren. It is de redakteur dy’t ûnderstipe wurde moat mei publike middelen.

Dat is net sa revolúsjonêr as it klinkt. It is feitlik wat alle Europeeske, in soad Amerikaanske oerheden en ek de Fryske oerheid al jierrenlang dogge. Redaksjes fan literêre tydskriften wurde nammentlik mei publyk jild yn stân holden. Dat guon literêre tydskriften ek stadichoan glossys wurde is net hiel relevant; fan it tydskrift bliuwt de foarm gelikens, dus it omtinken giet nei de ynhâld, dêr’t de redaksje oer beslut, en nei de relaasje mei de auteurs. Tagelyk is de iennichste betingst foar kwaliteit dat in redakteur ûnôfhinklik is. Dat liket in dilemma yn Fryslân. Mar alle dichters witte, in neutraal en objektyf oardiel is in eigenskip fan de bedreaune profesjonele redakteur—dy’t yn de regel dus fierstente djoer is om te rieplachtsjen oer it nije manuskript.

De provinsjepot foar it útjaan fan Frysktalige literatuer is € 45.000. As de helte dêrfan nei in bedreaune profesjonele redakteur giet,Yn prinsipe is 1 fte, dus ien fulltime baan, genoch, dy’t ferdield wurde kin oer twa of trije persoanen. jout dat de (aspirant-)dichters de mooglikheid om har wurk nei in heger plan te tillen. Dat hat konsekwinsjes foar de kwaliteit, mar as de artistike ûntjouwing goed foarút giet, ek foar de kwantiteit fan de útjeftes. Wat de organisaasje oanbelanget, it is net nedich sa’n redakteur yn te bêdzjen yn ien of oar ynstitút, der hoecht gjin fysyk buro frijmakke te wurden, der hoecht sels neat te feroarjen. As inkeld de Fryske (aspirant-)dichters mei-inoar ien, twa of trije top-redakteuren oanwize dy’t harren oer in langere perioade begeliede kinne, dan garandearret dat in strukturele fuortsterking fan ús literêre poëzij. In Gedichteredakteur fan Fryslân: dat is in wrâldprimeur.

Noaten

  1. Provinsje Fryslân, Grinzen oer, Nota Kultuer, Taal en Underwiis 2013-2016, 44 <www.fryslan.frl/3445/nota-cultuur,-taal-en-onderwijs-2013-2016/files/[01]grinzen oer frl.pdf> [krigen 16 maart 2016].
  2. ‘List fan nij ferskynd wurk, op kalinderjier’, Sirkwy: Fryske literatuerside, Tresoar 2008-2016 <http://www.sirkwy.nl/titel/965#.Vub4ffnhDnB> [krigen 15 maart 2016].
  3. ‘Literaire Friese poëziedebuten sinds 1980 met geboortejaar en leeftijd van de debutant’, Sirkwy: Fryske literatuerside <http://www.sirkwy.nl/cms/FCKeditor/cstmFiles/wwwsirkwynl/titels/documenten/literaire_poeziedebuten_sinds_1980_nl.pdf> [krigen 15 maart 2016].
  4. Idem.
  5. Problematysk oan it grutte ûndersyk nei de tastân fan de Fryske literatuer, dat op it stuit troch de tydskriften Ensafh en de Moanne útfierd wurdt yn opdracht fan de Provinsje Fryslân, is dat sûnder teoretyske, empiryske of wat foar ûnderbouwing dan ek, foarôfgeand oan sels de minimaaltse foarm fan foarûndersyk, de hiele problematyk opknipt is yn dielûndersiken. De relaasjes tusken de faktoaren dy’t fan ynfloed binne op de ûntjouwingen yn de Fryske literatuer rinne sadwaande in grutte kâns om út sicht te bliuwen.
  6. Mihály Csíkszentmihályi, Creativity: Flow and the psychology of discovery and invention (New York 1996).
  7. Doortje Smithuijsen, ‘Fries (vwo) Hoogleraar Goffe Jensma (Friese taal- en letterkunde, Rijksuniversiteit Groningen) doet examen. „Bij vwo mag je toch meer verwachten.”’ NRC, 29 maaie 2015, <www.nrc.nl/handelsblad/2015/05/29/of-je-van-dit-examen-nou-goed-fries-leert-tja-1501893> [krigen 16 maart 2016].
  8. Mihály Csíkszentmihályi, Creativity: Flow and the psychology of discovery and invention (New York 1996).
  9. Boekhannels binne selsbetsjinningssupermerken wurden. Sjoch Jeremy Spence, ‘A harsh truth about poetry publishing…’, Real Pants, 28 jannewaris 2015 <http://realpants.com/harsh-truth-poetry-publishing/> [krigen 16 maart 2016].
  10. It ûndersypjen fan de nasjonale of regionale ekonomy is sa’n bytsje wêr’t kultuersubsydzjes foar binne: “But no one person benefits to the extent that the nation does.” Gary Raymond, ‘From the editor | Public subsidy of the arts: How many times must we win this argument?’, Wales Arts Review, 18 jannewaris 2016 <http://www.walesartsreview.org/letter-from-the-editor-how-many-times-must-we-win-this-argument/> [krigen 16 maart 2016].
  11. ‘Writer beware: Vanity/subsidy publishers’, SFWA, s.j. <http://www.sfwa.org/other-resources/for-authors/writer-beware/vanity/> [krigen 16 maart 2016].
  12. Projekt Skriuw, kosteleaze skriuw- en manuskriptbegelieding troch skriuwers en redakteuren, is yn 2015 ôfsletten om reden fan te min oanmeldingen. Ut de oanmeldingsside foar de skriuwkursussen fan Tresoar blykt dat der plakken iepen bliuwe.
  13. Billy Mills, ‘Poetry is not drowning, but swimming into new territory’, The Guardian: Books, 30 maaie 2013 <http://www.theguardian.com/books/booksblog/2013/may/30/poetry-new-territory-sales-salt-publishing> [krigen 16 maart 2016].
  14. Sifers noch net beskikber.
  15. De útjouwerijen Elikser (oprjochte 2007), Hispel, HotSum/Contrabas (Contrabas 2005, HotSum/Contrabas 2014) en Gerben Rypma Stichting/De Ryp (2001) hawwe wat it publisearjen fan literêre poëzij oangiet it plak ynnommen fan de Koperative Utjowerij (opheft 2007) en Venus (opheft 2011).
  16. Bornmeer likegoed as de Friese Pers Boekerij hiene yn perioade 1 in bysûnder aktyf akwisysje- en begeliedingsbelied. Bornmeer koe dêrby gebrûk meitsje fan syn earder (2000-2004, mei debuten fan ûnder mear Tsead Bruinja, Abe de Vries, Arjan Hut en Elmar Kuiper) opboude goede reputaasje as poëzij-útjouwer; by de Friese Pers Boekerij makke útjouwer en dichter Abe de Vries fan 2006 ôf in spearpunt fan it redaksjoneel begelieden fan dichters en it útjaan fan poëzij. It ‘poëzij-aksint’ yn perioade 1 docht ek dúdlik bliken as nei it tal literêre dichtbondel-debuten sjoen wurdt: 15 yn perioade 2005-2010 en 5 yn perioade 2011-2016.
  17. Michael Lista, ‘On poetry: Publish less’, National Post, 7 febrewaris 2014 <http://news.nationalpost.com/arts/books/michael-lista-on-poetry-publish-less> [krigen 16 maart 2016].
  18. Yn prinsipe is 1 fte, dus ien fulltime baan, genoch, dy’t ferdield wurde kin oer twa of trije persoanen.

Bylagen

Bylage A. Oersjoch útjeftes poëzij 2005-2016 (debuten oanjûn mei *)

2005

Nij literêr (8)

Boersma, Piter, Ritueel. Koperative Utjowerij, Easterein.

Boorsma, Pier, Net allinne genôch: fersen. Koperative Utjowerij, Easterein.

Bruinja, Tsead, Gers dat alfêst laket. Bornmeer, Ljouwert.

Feddema, Anne, Reidhintsje op ’e Styx. Koperative Utjowerij, Easterein.

Gerbrandy-Posthuma, Anneke, Trappearre: ûnderweis mei Claude Monet. Frysk en Frij, Ljouwert.*

Miedema, Andries, Wynfearren by 't lemieren. Frysk en Frij, Ljouwert.*

Wind, Harmen, Ierdewurk. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert.

Wytsma, Baukje, De dichter swijt. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert.

Net nij of net literêr (12)

Brokke-Boomsma, Louwina, Underweis. L. Brokke-Boomsma, Ommen.

Gildemacher, Karel F., Snoeiskjirre. De Hynstebloem, de Jouwer.

Harmen Wind, Ta swijen - in hymne / Tot zwijgen - een hymne. Liter [tydskrift], Ede.

Kiestra, D.H., Skielk beart de hjerst: blomlêzing, gearst. en ynl. Abe de Vries Frysk en Frij, Ljouwert.

Miedema, Hessel, De greate wrakseling. Venus, Frjentsjer.

Postma, Obe, Samle fersen. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.

Shakespeare, William, De sonnetten, oers. Douwe Kalma. Bornmeer & Stichting Elf, Ljouwert.

Soldaat, Gerard, Voor de winter uit / Foar de winter út: in memoriam Gerard Soldaat. t Hoge Woord, Bakhuzen.

Steegstra, Henk, It moat kinne. Henk Steegstra.

Wijma, Aukje, Opnimme. Aukje Wijma, Drachten.

Wit, Mindert de, De moanne laket. Frysk en Frij, Ljouwert.

Wytsma, Baukje, It blau fan de hortinsje en Heech gers. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.

2006

Nij literêr (12)

Berga, Wilco, De fjilden foarby / Voorbij de velden. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert.

Hettinga, Eeltsje, Apreos. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert.

Hut, Arjan, 05/06. Bornmeer, Ljouwert.

Hylkema, Jouke, Beabuorster monologen. Venus, Frjentsjer.*

Kaspersma, Jelle, Dyn brune eagen taheakke. Venus, Frjentsjer.

Kuiper, Elmar, Ut namme fan mysels. Bornmeer, Ljouwert.

Leest, R.R. van der, Tajefte: sân gedichten. Venus, Frjentsjer.

Poortstra, Margryt, Nomade: fersen. Frysk en Frij, Ljouwert.

Soepboer, Albertina, Kearsinne. Bornmeer, Ljouwert.

Mud, Antsje en Martsje, Sprekkende tekens. Talant, Dokkum.*

Vries, Abe de, Under fearne goaden. Bornmeer, Ljouwert.

Zwart, Jelle, Sân skeppen sâlt: fersen. Frysk en Frij, Ljouwert.*

Net nij of net literêr (13)

Paul van Goor, Baukje Wytsma, Roely Bakker, Meintsje Brouwer en Johannes Dijkman. As nimmen sjocht... Stichting It Fryske Boek, Ljouwert.

De 100 mooiste Friese gedichten, gearst. Jetske Bilker en Babs Gezelle Meerburg. Uitgeverij Kleine Uil.

Faber, Doeke, De tiid ferrint... Faber, Burgum.

Gildemacher, Karel F., Frisian landscape. Hynsteblom, De Jouwer.

Heddema, Durk J., Erfskip: fersen sûnt 1942. D. Heddema, Ljouwert.

Jelly Beima-De Vries, Mem Natuer. Bruna, Kollum.

Kuiper, Elmar, Elmar Kuiper, Nederland/Friesland, oers. Jabik Veenbaas en Tsead Bruinja. Poetry International, Rotterdam.

Kuiper, Elmar, Roep de rottweiler op! / Rop de rottweiler op! BnM Uitgevers, Nijmegen.

Laverman, Bartle en Brown John, Dêr't de ko him deljout / Where the cow lies down. Koperative Utjowerij, Easterein.

Tjepkema-Lolkema, Harmke, Lûden op 'e wyn. It Gysbert Japicxhûs, Boalsert.

Veenbaas, Jabik, Darwinistische weemoed / Darwinistyske weemoed. BnM Uitgevers, Nijmegen.

Vries, Abe de, Warme boxkachels & weke irenes / Gleone bokskachels & weake irenes. BnM Uitgevers, Nijmegen.

Wal, Cornelis van der, Zonderlinge kruising tussen aap en priester / Singeliere krusing tusken aap en priester. BnM Uitgevers, Nijmegen.

2007

Nij literêr (8)

Cnossen, Gerrit & Kaspersma, Jelle, Ieneach kening. Venus, Frjentsjer.

Laverman, Bartle, Man op solder / Man op zolder. Koperative Utjowerij, Easterein.

Meer, Aggie van der, It bern dat oer it wetter blaast. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.

Oosting, Simon, Rauwe fisken op wynfear wolkens. Bornmeer, Ljouwert.*

Veenbaas, Jabik, De sinne, it smelle bêd, myn lichem. Bornmeer, Ljouwert-Utert.

Vries, Nyk de, Motorman en 39 oare proazagedichten. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.*

Wal, Cornelis van der, Hûn oan 'e himel. Bornmeer, Ljouwert-Utert.

Huisman, Bennie, Hûs oan see / Huis aan zee. Venus, Frjentsjer.

Net nij of net literêr (11)

Flarden út It Gysbert Japicxhûs, gearst. Swaantsje IJsselstein. It Gysbert Japicxhûs, Boalsert.

Poëzij op 'e planken: 105 gedichten om foar te dragen, gearst. en ynl. Tsjerk Veenstra. Afûk, Ljouwert.

Duursma, Swaantsje, Blide oeren: hûndert fersen. SwD, Ljouwert.

Germs, Jan, Rotbledsje. Jan Germs, Burgum.

Nicolai, Janke, Spanning. Elikser, Ljouwert.

Slofstra, Roel, Alter ego: lieten. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert.*

Spanninga, Sjoerd, Indian Summer: een keuze uit zijn gedichten. Bornmeer, Ljouwert-Utert.

Tuinstra, Uilke, Bylden: gedichten. Humanistisch Verbond Friesland en Humanitas, Ljouwert.

Veenbaas, Jabik, Brieven aan mijn kind / Brieven oan myn bern. BnM uitgevers, Nijmegen.

Vries, Theun de, De Godleaze Singel. De Looden Hel, Grins-Feanwâlden.

Whitman, Walt, Leaten fan gers, oers. Hedzer Sake Oostra. De Rosse Plomp, Purmerein.

2008

Nij literêr (12)

Beekman, Hendrik en Haan, Josse de, As wurden slipe wurde. Venus, Frjentsjer.

Boersma, Hidde, De rop om Doede. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.*

Bruinja, Tsead, Angel. Bornmeer, De Gordyk.

Groot, Edwin de, Ik skip. Bornmeer, Ljouwert.*

Haan, Marijke de, Kavel met uitzicht / Kavel mei útsicht. Frysk en Frij, Ljouwert.

Hettinga, Tsjêbbe, 'Twa kontinenten' / 'Two continents'. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.

Hokwerda, Yva, 44: dûbeld fjouwerjen. Bornmeer, Ljouwert.*

Jansma, Sytse, Wa't tate seit moat ek whisky sizze. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.*

Jong, Jelle de, Ik ha fochten mei myn soan. Koperative Utjouwerij, Easterein.

Kleefstra, Jan, Fragminten: gedichten. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.

Schaaf, Grytsje, Sûnder sweltsjes. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.*

Vries, Abe de, Fangst fan 'e demoandolfyn. Bornmeer, Ljouwert.

Net nij of net literêr (14)

Ik wol nei Skylge, flústerest, giest mei?’ Folkshegeskoalle Schylgeralân, Skylge.

Frjemde kusten / Vreemde kusten, blomlêzing ynternasjonaal dichtersfestival 2008. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.

Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden, gearst. Pier Boorsma, Teake Oppewal en Geertrui Visser. J.M. Meulenhoff, Amsterdam.

Yesoymim / Weeskes, gearst. Lucette van den Berg, oers. Eppie Dam en Willy Brill. Tresoar, Ljouwert.

Braaksma-De Vries, Janny, Mem yn dizze tiid. Elikser, Ljouwert.

Brouwer, Akke, Wachtend op herfst: zomergedichten, oers. Corry Boelens. Eethuis De Waegh, Dokkum.

Brouwer, Akke, Wachtend op zomer: lentegedichten, oers. Corry Boelens. Eethuis De Waegh, Dokkum.

Bruinja, Tsead, De geboorte van het zwarte paard / De berte fan it swarte hynder: een keuze uit de Friese gedichten. Cossee, Amsterdam.

Dickinson, Emily, Omt ik foar Dea net stilstean koe / Because I could not stop for Death: Trettjinris, gearst. Philippus Breuker. oers. ferskaat. Obe Postma Selskip, Ljouwert.

Hettinga, Tsjêbbe, Du mer et d'au-delà / Fan oer see en fierder, oers. Kim Andringa. L'Oreille du loup.

Portier, Eugène, De Ynternasjonale, oers. Tr. Riemersma. De Hynsteblom, De Jouwer.

Postma, Ridzert, Loslitte. R. Postma, Ljouwert.

Vries, Abe de, Het goud op de weg: De Friese poëzie sinds 1880. Bornmeer, Ljouwert.

Wytsma, Baukje et al., Wachtsje - PC. Eigen behear: Douwe Huitema.

2009

Nij literêr (6)

Boomsma, Joop, De klaai is griis novimber. Venus, Frjentsjer.

Dam, Eppie, Blausucht. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.

Hettinga, Tsjêbbe, Equinox. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.

Sevenster, Simy, Yn de see fan it libben. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.*

Smink, Jacobus Q., Sondelfal. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.

Zwart, Jelle, De wite hoed: fersen. Frysk en Frij, Ljouwert.

Net nij of net literêr (10)

Het Friese balboekje. Stichting Letter & Feest, Amsterdam.

Assenede, Diederik van, Floaris en Blankefloar, oers. Klaas Bruinsma. Elikser, Ljouwert.

Couperus, Jouke en Meer, Gerrie van der, Onder de bruingerookte balken : rijmelarijtjes van een dorpskastelein. Actief media.

Ferskate auteurs, Een vrouw is meer. Elikser, Ljouwert.

Gildemacher, Karel F., Heierslietsje. Koppermoandei 2009. De Hynsteblom, De Jouwer.

Jelierse-van der Heide, Wietske, Sinneskyn en wetterdrippen. Elikser, Ljouwert.

Milton, John, It paradys ferlern, oers. Geart fan der Mear. Afûk, Ljouwert.

Tjepkema-Lolkema, Harmke, Meldij. Gysbert Japicxhûs, Boalsert.

Wageningen, Els van, Nynke, in libben yn gedichten, oers. Anna de Jong. Kreatyf Sintrum Elzelien, Dirksland.

Woelinga, Harm, De lêste tút. Woelinga, Feanwâlden.

2010

Nij literêr (14)

Abma, Willem G., Inerlik ferskinen. Bornmeer, De Gordyk.

Bal, Irene, De genade van een krimpende geest / De genede fan in krimpende geast. Philip Elchers, Grins.*

Berga, Wilco, Harnzer tijgedichten / Harlinger getijgedichten. Afûk, Ljouwert.

Boersma, Piter, Stjoer de strjitmakker. Hispel, Wiuwert.

Feddema, Anne, Torpedo's los! Bornmeer, De Gordyk.

Groot, Edwin de, Tongfal. Bornmeer, De Gordyk.

Hettinga, Tsjêbbe, Aan schor en stad niks voorbij / Oan leech en stêd niks foarby. Friese Pers Boekerij/ Poetry International, Ljouwert/ Rotterdam.

Hut, Arjan, Tin. Afûk, Ljouwert.

Hylkema, Jouke, Op ’e kofje yn ’e kosmos. Elikser, Ljouwert.

Kampen, Elske, Fan glês it brekken. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.*

Soepboer, Albertina, De trektocht. Contact, Amsterdam.

Vries, Abe de, Sprankeskyn. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.

Wind, Harmen, Heechtiid. Afûk, Ljouwert.

Wytsma, Baukje, Sân wylgen. Afûk, Ljouwert.

Net nij of net literêr (15)

Bosma-de Jong, O., Was de weg zo kort...? Of heb ik zo snel gelopen? Boersma, Drachten.

Chaucer, Geoffrey, De Canterbury Ferhalen, oers. Klaas Hoekstra. Elikser, Ljouwert.

Dijkstra, Jogchum, De sinne skynt: Sechstich gedichten. J. Dijkstra, Akkrum.

Dijkstra, Jogchum, Willewurk: Sechstich lichte gedichten. J. Dijkstra, Akkrum.

Elgersma, Jildou, Finzen tusken libben en dea. Elikser, Ljouwert.

Ferskate auteurs, It heiteleaze bern. Tresoar, Ljouwert.

Germs, Jan [Jan Jongsma], Reizger wêrhinne? J. Germs, Burgum.

Jong, Anny de, Waarmte in wurd. De Fryske Boekeklub, Dokkum.

Ovidius, Feroarings fan stal, oers. Klaas Bruinsma. Bornmeer, De Gordyk.

Penninc en Vostaert, De roman fan Walewein, oers. Klaas Bruinsma. Elikser, Ljouwert.

Pseudo-Homearus, De striid tusken froasken en mûzen, oers. Klaas Bruinsma. Elikser, Ljouwert.

Rodenboog, Pim, De muze dûnset op 'e jarrekolk. 't Aldahuys, Bears.

Rodenboog, Pim, Fersbylden. Pim Rodenboog, Bears.

Veer, Tryntsje van der, Binnentún, Haikû's. Elikser, Ljouwert.

Woelinga, Harm, Taastber fier fuort. Woelinga, Feanwâlden.

2011

Nij literêr (3)

Kuiper, Elmar, Granytglimkes. Bornmeer, De Gordyk

Spoelstra, Janneke, Langst fan 'e dagen. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.

Wal, Cornelis van der, Kristus Pavlov. Bornmeer, De Gordyk.

Net nij of net literêr (10)

Bij-Van der Heide, Y. van der, Feest yn it naaibakje. Ypk van der Bij-Van der Heide, Harkema.

Ferskate auteurs, FeRs: gedichten om foar te dragen foar de boppebou basisskoalle en ûnderbou fuortset ûnderwiis, gearst. Douwe Kootstra. Cedin, Drachten.

Jong, Steven de, En de inket sil útrinne - 50 jier poëzij. Frysk en Frij, Ljouwert.

Kooi, Jurjen van der, Myn herder is myn redder. Stichting FFYRUG, Grins.

Piebenga, Tjitte, Sammele wurk. Bornmeer, De Gordyk.

Postma, Obe. Obe Postma yn it Russysk / Obe Postma in het Russisch / Obe Postma na Russkaja jazike, oers. Jabik Veenbaas en Irina Michajlova. The Friesian Dairy Development Company, Ljouwert.

Roelofsen, Paul, Alles in orde - Alles yn oarder, oers. Vrouwkje Aalbers. P. Roelofsen.

Smit, W.A.P., Moeting mei de dea: Hûndert kwatrinen, oers. Jan Dotinga. KFFB, Dokkum.

Tamminga, D. A., Samle fersen. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.

Tennyson, Alfred, De fal fan Camelot, oers. Geart fan der Mear. Elikser, Ljouwert.

2012

Nij literêr (6)

Dam, Eppie, Mem sjoch boi. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.

Hettinga, Eeltsje, Ikader. Gerben Rypma Stifting, Blauhûs.

Kampen, Elske, Dit is it gedicht / Dit is het gedicht. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.*

Laverman, Bartle, Foar elke man in eigen pake. Hispel, Wiuwert.

Meer, Aggie van der, De Sneinen - It lân achter it each fan 'e nulle. Frysk en Frij, Ljouwert.

Oosting, Simon, Hûnewacht. Afûk, Ljouwert.

Net nij of net literêr (12)

Abma, G. Willem, Troch eigen lânskip. Sammele fersen. Wijdemeer, Ljouwert.

Boer-Hiemstra, Wieke de, De sirkelgong fan de tiid. De Boer-Hiemstra, Drachster Kompenije.

Bosch, Atze, Neilêzing. KFFB, Dokkum.

Burg, Pyt van der, Samle fersen. Elikser, Ljouwert.

Durksz, Lieuwe, Poèmes yn proaza. S.ú.

Hettinga, Tsjêbbe, Evening - Equinox. Bornmeer, De Gordyk.

Hoekstra, Eric (oers), Bhagavad Gita, It liet fan God - Het lied van God. Elikser, Ljouwert.

Veer, Tryntsje van der, Kooistra, Ouke, Jardin, Rob du, Fan binnen út, ier foarjier - From within, early spring. Elikser, Ljouwert.

Werf, Sytse van der, Gedichten en lieten fan Sytse van der Werf - Wâlddichter/Wâldsjonger fan Achtkarspelen 2009-2011. Gemeente Achtkarspelen, Bûtenpost.

Wijma, Aukje, Fan 'e boaiem. Aukje Wijma, Drachten.

Wybenga, Jan, Samle fersen. Frysk en Frij, Ljouwert.

Yntema-Van der Mark, Geertruida, Rimen en etsen: Geertruida Yntema-Van der Mark. Yntema, It Hearrenfean.

2013

Nij literêr (9)

Bruinja, Tsead, Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers. Afûk, Ljouwert.

Bylsma, Meindert, Rys mei rezinen: grôt mei krôde. Elikser, Ljouwert.

Bremer, Harke, Jarich Hoekstra, Leffert: in heldedicht yn tolve sangen. Bornmeer, de Gordyk.*

Feddema, Anne, Op myn stjerbêd wol ik tate ha. Afûk, Ljouwert.

Groot, Edwin de, Een haas is een gelukkig kind / In hazze is in lokkich bern. HotSum.

Smink, Jacobus Q., Adams apel. Hispel, Wiuwert.

Venema, Foppe, Le Tour de Frise. Frysk en Frij, Ljouwert.

Vries, Abe de, Ravensulver / Ravenzilver. HotSum.

Vries, Matty de, Wakkerweromsjen. Frysk en Frij, Ljouwert.*

Net nij of net literêr (6)

Abma, Willem, Oade oan de ko. Gildemacher, K.F.

Abma, Willem, Onbedoeld: de dichter als pastor. Wijdemeer, Drachten.

Coopmans, Gadso, Fersen fan en foar Gadso Coopmans, oers. Klaas Bruinsma Elikser, Ljouwert.

Dam, Eppie, Oer de wjuk: Fryslâns moaiste fûgelpoëzy. Bornmeer, Tresoar, De Gerdyk, Ljouwert.

Elgersma, Jildou, Lykwicht sykje: gedichten. Elikser, Ljouwert.

Koster, Folkje, Ferskaat. F. Koster.

2014

Nij literêr (8)

Berga, Wilco, Allinne en yn koar / Alleen en in koor. Afûk, Ljouwert.

Dam, Eppie, Fallend ljocht. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.

Grypstra, Ate, As deldwarreljende jiske: wâldsangen & doarpsgedichten. Gemeente, Achtkarspelen.*

Haan, Marijke de, De Brekken. Frysk en Frij, Ljouwert.

Kampen, Elske, Man en mem: gedichten. Afûk, Ljouwert.

Kooistra, Jan, Blues fan 'e sângrûn. Wijdemeer, Ljouwert.

Meer, Aggie van der, Tei-iizje / Lok-azen. HotSum/De Contrabas, Utrecht & Leeuwarden.

Soepboer, Albertina, Herbarium. Frysk en Frij, Ljouwert.

Net nij of net literêr (9)

Boersma, Piter, Liet fan it fjild: Sineeske gedichten. Hispel, Wiuwert.

Bruinsma, Klaas, Blomlêzing út 'e Spaanse poëzij. Elikser, Ljouwert.

Daams, H.M., Sjochst no wol. Elikser, Ljouwert.

Dragt, Tomke, 25 Frisse Fryske ferskes, sa mar út myn Hollânske pinne drippele. Walraven de Granje, Grijpskerk.

Grün, Anselm, Wy, dy't bidde, oers. Jacobus Knol en Tjitske Hiemstra De Fryske Boekeklub, Dokkum.

Kloosterman, Jan Ritskes, Nije bloei: in kar út it dichtwurk fan Jan Ritskes Kloosterman, red. + bewurk. Eppie Dam. Wijdemeer, Stichting Keunstkrite Twizel, Ljouwert.

Meer, Sijke van der & Tjalke Cnosen, Moarns betiid bin ik de earste: skilderijen en gedichten. Sijke van der Meer.

Mourik, Reinier van, De pleats fan Politiek, oers. Cees van Mourik. S.ú.

Nicolai, Janke, Kleurich palet. Janke Nicolai.

2015

Nij literêr (6)

Kleefstra, Jan, Sniefellen. Friese Pers Boekerij, Ljouwert.

Hettema, Tsjisse, Heehoo heeho: de leafde is as de mage fan in ko. Frysk en Frij, Ljouwert.

Jansma, Sytse, As nomaden yn tinten teplak / Als nomaden in tenten terecht. Afûk, Ljouwert.

Kuiper, Elmar, Hiemsiik. Bornmeer, De Gordyk.

Smink, Jacobus Q., Tongermolke. Hispel, Wiuwert.

Vries, Abe de, Brek dyn klank. Gerben Rypma Stifting, Blauhûs.

Net nij of net literêr (7)

Pródromos, Theodoros, De striid fan de Kat en de Mûzen, oers. Willem J. Aerts en Klaas Bruinsma. Elikser, Ljouwert.

Ferskate auteurs, It museum fan binnenút; Het museum van binnenuit. Uitgeverij Tienstuks, Amstelveen.

Hoekstra, Eric, Tao te Ching: it boek fan de wei en de deugd. Elikser, Ljouwert.

Ligtenberg, Bertha Jacobs, Ut 'e klûs fan Suster Berta: wurken fan Suster Bertken, oers. Klaas Bruinsma. Elikser, Ljouwert.

Veenstra, Hinke, Lang om let. Hinke Veenstra, Drachten.

Veenstra, Tsjerk, Zonder liefde leefde nooit een lied : bloemlezing uit het Friese en Nederlandse dichtwerk van Johannes Bernard Schepers 1865-1937. Afûk/Hispel, Ljouwert.

Ykema, Tryntsje, O, dy bern! en tweintich oare ferskes út it midden fan de tweintichste ieu. Cor Bakker, Arnhim.

2016

Nij literêr (8)

Veenstra, Jaap, Gatten yn it tek / Gaten in het dak, Bornmeer.

Tigchelaar, Geart, Leech hert yn nij jek. Hispel, Wiuwert.*

Bartle Laverman, Hispel.

Syds Wiersma, Hispel, Wiuwert.

Cornelis van der Wal, Hispel, Wiuwert.

Kingma, Sigrid. Frysk en Frij, Ljouwert.*

1. Afûk, Ljouwert.

2. Afûk, Ljouwert.

Bylage B. Debuten literêre dichtbondels, 2005-2016

Anneke Gerbrandy-Posthuma 2005

Andries Miedema 2005

Antsje en Martsje Mud 2006

Jouke Hylkema 2006

Jelle Zwart 2006

Simon Oosting 2007

Nyk de Vries 2007

Hidde Boersma 2008

Edwin de Groot 2008

Yva Hokwerda 2008

Sytse Jansma 2008

Grytsje Schaaf 2008

Simy Sevenster 2009

Irene Bal 2010

Elske Kampen 2010

Jarich Hoekstra/Harke Bremer 2013

Matty de Vries 2013

Ate Grypstra 2014

Geart Tigchelaar 2016

Sigrid Kingma 2016

Gjin poëzijpublikaasjes mear nei de debútbondel

Anneke Gerbrandy-Posthuma 2005

Andries Miedema 2005

Antsje en Martsje Mud 2006

Nyk de Vries 2007

Hidde Boersma 2008

Yva Hokwerda 2008

Grytsje Schaaf 2008

Simy Sevenster 2009

Irene Bal 2010

Nyk de Vries en Hidde Boersma hawwe har letter dwaande hâlden mei proaza.

Mear fan Abe de Vries

De Frske Literatuerkrityk …oftewol it Wonderbaarlike Leechlizzen fan Waling Dykstra.
Bjusterbaarlik troffen hat Waling-om it net mei de literatuer dêrt er yn skreau.
‘Dat skrutene taesten koe har sear dwaan’ Op himsels hied er tsjin it seksuele gjin biswieren. Al to folle moast dêr it tsjuster foar tsjinje.
‘Language Lab’: In protte taal, te min literatuer Language Lab is in programma ‘to raise awareness but also knowledge and technology, concerning language’, alsa Nana Haug Hilton en Goffe Jensma
Belofteparadoks: Fers2 yn 2016
Hannibal Lecter sljocht op Bachs Goldberg Variazionen &ld;Only fools and madmen are born along the Issa,” seit de beppe fan Tomasz Dilbin, de haadpersoan yn de roman The Issa Valley (1955) fan Czeslaw Milosz.
“Wy binne it hert” Ynienen like it wer in issue: de ynstitúsjonalisearring fan Fryslân.
1 2 3 4 5 6 7 8 9