
Wat is der mis mei it logo
Wat is der mis mei it logo fan Valletta - Kulturele Haadsted 2018?

Liket net op in pompeblêd;

Liket ek net op Kenny fan South Park;

Is net makke foar in doelpublyk fan trijejierrigen;

Hat net alle oanbefellingen omtrint styl en smaak wei gniisd

Hat net syn funksje fan kommunikaasje fan in boadskip negearre;

Hat net in meitsjen fan ûnferjitlike yndruk mijd;

Is net trendy en hat tefolle tiidleazens;

Wurdt net ynkonsekwint genôch brûkt;

Is net de opfolger fan in fier ûnder de priis betelle earste logo;

Is likemin de ferfanger fan in nei in heal jier samar ôfskaft logo;

Is net ûnderwerp fan mystifikaasjes oer syn ta stân kommen;

Mient dat it him op it brede publyk rjochtsje moat;

Is gjin produkt fan in yntransparante lobby;

Is mar it resultaat fan in advertisement pitch;

Jout net de minste oanlieding om oer syn ta stân kommen te ligen;

En docht yn de fierste fierte net tinken oan kornútsjepolityk.
Mear fan Friduwih Riemersma
Tsjingif foar de Jongfryske lanskipsklisjees Ta de moarn fan Rintsje Piter Sybesma |
Fryslan as failed state De reden dat eartiids it najonalistysk sentimint fan fraternité, frij oer te setten as ‘mienskip’, sa súksesfol om him hinne sloech … |
Skiuwersboun skrast lid om drege briefkes In flash drama- In dierbere freon, yn in ûnmooglike situaasje. De koele fraach ‘is der wat datst witte wolst’ … |
Iepenbiere romte Werom nei it merkeplak fan eartiids… It bart gewoan wêr’t jo neist steane. |
Postma yn ’e Proustgreep Fan alle Fryske akademisy meitsje jo mei Goffe Jensma oan jo side de bêste kâns op winnen yn in pub quizz … |
Loaiïngea I, II en III De ûnferwacht kâlde, wiete Marchwyn liet amper ta om op fuotten it alderearste paad fan myn libben del te gean. |
De Fryske kristenen en de literêre kanon Dat de literêre kanon fan de wite kristlike mannen foar de wite kristlike mannen is, jildt tsjintwurdich as in klisjee. |
Keunstners? “Yn Fryslân is elkenien in dichter,” is in húsrieme skimp fan ús mem. |
Agatha’s briefkeunst Alde emails smite jo fuort, mar âlde brieven dat is in hiel oar ferhaal. |
Groeimodel bestiet hielendal net en is desastreus as it der komt “Groeimodel moet niveau van Fries op basisscholen vooruithelpen”, suggerearret deputearre Sietske Poepjes |