image lf2018

Webside Beammeboek stilset

Brekkend!

Abe de Vries en Friduwih Riemersma - Fers2 4.17, 8 novimber 2018

In moanne lyn koene wy de webside fan de nijste kanon­assimblaazje, Salang’t de beam bloeit: Koarte skiednis fan de Fryske literatuer, al net fine. Tydlik delhelle, tochten wy. Om dochs noch ris te petearjen oer de X dêr’t hegerhân tenei Gysbert Japicx mei stavere ha wol, of dêr’t ûnbelutsen ekspert Philippus Breuker fan wol dat opmaakassistint Meindert Reitsma it tenei sa skriuwt, mar marketingsenior Goffe Jensma hat second thoughts.

Hoe dan ek, de webside fan it beammeboek wie dôf foar de sykwurden fryske literatuer skiednis, friese literatuur geschiedenis, zolang de boom bloeit en salang’t de beam bloeit. Ek kombinearjen mei de skriuwer en útjouwer joech neat. De webside wie hielendal net te finen mei Google.

Teannewipkjend wachten wy ôf. Neat barde.

Mar no ûntdekke wy wat oars. De sykwurden dy’t wy ynfierden stean wiswol op de webside. Yn koweletters (net kwetsend bedoeld): “Salang’t de beam bloeit. Koarte skiednis fan de Fryske literatuer”. Sette jo no skrapkes om “zolang de boom bloeit” dan fynt de sykmasine de side!

Is dus de ûnfynberens fan de beammewebside it resultaat fan minne ‘seo’: hat de webredakteur de kaaiwurden net goed of hielendal net oanjûn? Sykmasines trochsykje nammentlik alle tekst op de side. Se rinne alle wurden nei dy’t op de side stean. Dêrom, as de sykmasines de beammewebside mei de wurden fryske literatuerskiednis sûnder skrapkes net fine kinne, ek al stean dy wurden op de side, hat dan immen besocht de webside sa yn te stellen dat sykmasines him net fine kinne? Mar soks kin net oars as mei in mei opset sin skreaun stikje koade, dat yn de boeremûle de porn blocker hjit.

En wêrom? Mar dat wurdt aaklik dúdlik as jo nei www.fryskeliteratuerskiednis.frl ta gean.

Efter it menu op de homepage sit foar it meastepart lege romte. Under ‘Perioaden’ is inkeld tekst efter de earste trije submenu-opsjes, te witten ‘oant 1550’, ‘1550-1800’, ‘1800-1900’. De knop ‘1900-1945’ kinne jo wol op klikke, mar jo komme op in lege side. Ek ‘1945-1975’ is leech, ‘1975-2000’ is leech en ‘nei 2000’ is allike leech. Under it menu ‘Finsters’ stean allyksa in hiele kolom oan te klikken opsjes, mar allinne ‘Fryske runen’, ‘Poesie im Recht’ en ‘Gysbert Japix’ hawwe tekst. Fierder is alles leech.

Sa’n webside is gjin bêste reklame foar it boekje—dat himsels al fertocht makke troch de loovjende teksten dy’t Marc Oostendorp en Tirade opstjoerd krigen om by wize fan boekbesprek op har media te pleatsen.

De homepage seit neat oer de lege winkel efter de etalaazje. Dêrfoar moatte jo nei ûnderen scrolle en op goed gelok op links klikke—de side hat by ’t soad links wer nei bûten ta. Dan ynienen stiet der: “Meidieling: dizze webside is noch ûnder konstruksje. De kommende tiid sil mear kontent tafoege wurde.” Se bedoele “yn oanbou“ en “mear ynhâld“, okee, mar tink derom: in datum stiet der net by. De jiertallen 2006 en 2011 stean derûnder. Wyslik is it gloarjejier 2018 weilitten. Wyslik is it meastepart fan de hiele webside weilitten.

Byprater 1

Mar it op it ynternet setten fan it beammeboekje kostet tiid en jild, grânzgje ús kritisy. Logysk!

Oertsjûgjen docht dat lykwols net. Earst is it net oannimlik dat de beammewebside net adekwaat begrutte en finansiere is. Twad kostet it op it ynternet setten fan kant en kleare digitale tekst op klearlizzende al opmakke siden—se binne der, mar tekstleas—jild noch tiid. Soks is, op it kopiearjen en plakken nei, in folslein automatisearre proses dat gjin minsklike hannelingen easket.

Dat wurdt in oar ferhaal fansels, as de tekst noch (opnij) skreaun wurde moat.

Byprater 2

In oare kritikus seit dat it net strykt dat, sa’t wy úthâlde, de ferlitten webside-yn-oanbou minne reklame is foar it beammeboek: it is minne reklame foar de hiele Fryske literatuer.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15