image philippus breuker gouden ieu skiednis fan fryslân
Titelprint fan J.J. Starter syn Friesche Lusthof, 1621, mei lofts de staten fan de adel en rjochts it stedhâlderlik hof; de Gouden Ieu lykas hjir ferbylde, duorre mar koart

Wolfeart yn de Gouden Ieu

Philippus Breuker - Fers2 nû. 5.17, 3 novimber 2019

De Gouden Ieu hat mar koart duorre. Op de groei fan rykdom en wolfeart folge in djippe depressy. Dat is wol bekend en de oarsaken binne ek wol oanwiisd. Minder bekend is hoe algemien oft earmoede waard. Der moatte grutte ferskillen yn wolstân west hawwe, mar wylst earmoede noch wol te dokumintearjen is, is min in byld te krijen fan de rykdom.

Dochs is ek oer de rykdom en de relative rykdom yn it Fryslân fan doe wol wat te sizzen. Listen fan fermogens binne der yn de santjinde ieu út Fryslân noch net. De earsten datearje dêr út it begjin fan de achttjinde ieu. Undúdlik is ek yn hoefier’t de ferskillen yn wolstân grutter wurden binne yn dat part fan de Gouden Ieu dat syn namme oan de santjinde ieu as gehiel jûn hat. Dat dy ferskillen groeid binne, liket wol wis, mar op it fryske plattelân is dat dochs net sa bot bard.

Dat falt oan te toanen mei it Personele kohier fan Baarderadiel út 1713. Dêr blykt alderearst út hoe lyts oft yn de Gouden Ieu it tal fermogenden west hat, sels op de rike klaai. Ferlike mei fermogens yn Hollân binne sels dy fan de beide heechsten ûnder de ynwenners fan Baarderadiel mar beskieden. Dat binne dy fan de erfgenamten fan Helena van Botnia te Jellum (111.000, nei ôftrek fan legaten en fidei-kommissêre besittingen) en fan grytman Harinxma te Weidum (80.000). Helena har foarâlden hienen yn de santjinde ieu ek grytman west. Yn beide gefallen giet it om lju út famyljes dy’t ek foar de Gouden Ieu al fermogend wienen. Men kin dus sizze dat de Gouden Ieu op it plattelân net laat hat ta eksorbitante ferskillen yn fermogens. It oantal wat minder fermogenden is ek mar lyts. It heechste binne twa mei 18.000 gûne. Mear as 10.000 gûne hawwe de adellike Bronkhorst te Boazum en ek de bern fan syn famyljelid Roly (elk 18.000) en de widdo fan in gritenijsekretaris. Allinnich dy gritenijsekretaris liket ryk wurden te wêzen yn de santjinde ieu. Foar de folsleinens neam ik noch de tallen en de beroppen fan de lju dy’t tusken de fiif en de tsientûzen gûne hienen. 5.000 of mear hienen in notaris, in dûmny, in konvoaimaster, trije boeren en ien fan adel. Mar yn twa fan dy gefallen wie dat fermogen mear as 5.000: de notaris hie 9700, ien fan de boeren 7.000. Boeren wienen der dus amper by, lju út hannel of ambacht alhiel net. Men kin dêrom gerust wol sizze dat it fryske plattelân net ryk wurden is yn de Gouden Ieu. It oantal lju is te ferwaarleazgjen en de opboude fermogens eins ek.

Yn de stêden wie mear rykdom. Yn 1672 waarden yn Ljouwert 271 lju oanslein foar in fermogen fan 10.000 gûne of mear. De likernôch sechstich dy’t ta de adel en reginten hearden, hienen trochinoar in fermogen fan 60.000 gûne, de oaren fan 26.000. Twa ton of mear hienen oer hiel Fryslân yn 1697 mar fiif lju, 634 mear as 10.000 en in lytse tachtich fan dy lêsten 60.000 of mear. De heechste wie de âld grytman Van Scheltinga yn ’t Hearrenfean mei in skat fermogen fan fiif ton. Under dy lytse tachtich wienen 23 boargers dy’t net ta de regintestân hearden, in boer wie der net by.

Hiel oare fermogens wienen der dan noch wer yn Hollân. Twa ton of mear hienen yn 1697 yn Fryslân mar fjouwer lju, yn hiel de Republyk rekkene oer de hiele santjinde ieu lykwols 312. En neist dy iene Van Scheltinga út 1697 stienen yn de santjinde ieu yn de hiele Republyk 65 mei fiif ton of mear (dêr is noch in Fries by, Watse van Cammingha, stoarn yn 1668). De ryksten wennen yn Den Haag en Amsterdam, ek yn oantal. Har rykdom wie yn de earste helte fan de santjinde ieu hurd tanommen, foaral yn Den Haag. De measte ryksten wennen lykwols yn it gruttere Amsterdam. Dêr wie har oantal yn 1674 82, yn Den Haag yn 34 en dan giet it om fermogens fan twa ton of mear.

In oar ûndúdlik punt is it momint fan omslach. Wie dat yndied in momint of gong it geleidelik? Ik begjin mei in pear iere tsjûgenissen, ien út Winsum fan 1651 en ien út Boalsert fan in jier letter. Fan earder binne se my net bekend, fan letter, út de jierren santich, tachtich en njoggentich namstemear. Omdat dy twa sa ticht by elkoar lizze, koe it wolris wêze dat de klap hiel ûnferwachts en samar ynienen kommen is.

Yn Winsum hawwe tsjerkfâden op 14 desimber 1651, noch hiel optimistysk oer de takomst doe, de earmen ferklearje litten dat se alle bystân letter wer werombetelje soenen:

Wij ondergeschreven armen ende nooddruftige Ingesetenen tot Winsum nemen aen ende beloven niet alleen ons neerstich ende cloeck aen te stellen, ende ons huijsgesin soo veel mogelijcx is sonder belastinge van iemant voor te staen, ten einde dat niemant enige wettige clachte tegens onse personen over onse quade menagie oft huyshoudinge heeft in te brengen, maer beloven ende nemen mede aen alles wat wij van de kerke ofte arme goederen tot onderhout van ons ende onse huysgesinnen de dato deses sullen ofte hebben genoten t sij bij ons leven, indien de goede Godt ons soo moghte comen te segenen, ofte ten minsten nae ons affsterven oprechtelijck ende danckbaerlijck re restitueren ofte te laten restitueren.

Se koenen doe noch net foarsjen dat de krisis wol sa’n tachtich jier oanhâlde soe. It soe ien fan de langste depressys ea wurde.

De folsleine tsjerkerie fan Boalsert besleat, dat neikommend stik foarlêzen wurde soe yn de proefpreek fan 6 novimber 1652:

Alsoo door dese langduierige duiere tijdt, slappe neringe, ende algemene cranckheden de aermoede gelijck in andere plaetsen soo oock in dese stadt, ende in dese onse Gemeinte daegelijcks meerder ende groter wordt, soo dat het getal van de noodtlidende ledemaeten soo seer wordt vermenichfuldicht dat onse kercke arme buidel daer mede ten uitersten is beswaert: ende alsoo men bij ervaerentheijt bespuert dat verscheiden arme luiden haer naeuwelijcks soo haest als ledemaeten in de Gemeente laeten aennemen, of soecken terstont de aelmoesen te genieten ende op de weecklijke bedeilinge of bedieninge der diaconen gestelt te worden,’t welck indien het voortaen alsoo wierde gedult, soude merckelijck konnen strecken tot een onverdraechelijcke belastinge onser diaconie, ende tot een opene duere, dat Christus van sommige soude gefolgt worden meer om het broodt des lichaems als der ziele, soo is het dat die Eerw. Kerckenraedt sorge draegende voor den welstant deser Gemeente ende diaconie eenpaerichlijck hebben nodich gefonden ende besloten, dat voortaen niemant die sich nae desen mochte in de Gemeente begeven, sal worden toegelaeten of aengenomen tot de weeckelijcke bedieninge der aelmoesen bij de diaconen voor dat hij tuee jaeren een lidtmaet der Gemeente zij geweest, ten einde dat alsoo onse arme buidel te beter sufficiant blive om die grote menichte van die alreeds verarmde ledemaeten te konnen nae eisch van ieders noodt te helpen; waer toe de Eerwaerde Gemeente sal gelieven altijdt door liberaele aelmoesen de goede milde handt te bieden.

Sûnder pleatselik ûndersyk yn Boalserter argiven is net te sizzen hoe grut oft it tal lju wier west hat dat mooglik yndied om bedieling lidmaat fan de tsjerke wurden is. Beskerming fan de sittende earmen sil hjir ek wol in rol spile hawwe.

Foar neier ûndersyk nei it ferrin fan de omslach, kin men yn Fryslân miskyn it bêste nei it ferrin fan de hierprizen fan pleatsen sjen. De Fryske ekonomy draaide ommers op de lânbou. Hierprizen jouwe net de totale finansjele lêst, want der kamen ek noch belestingen fan oerheden oerhinne, mar se jouwe fansels al in betroubere yndikaasje fan de feroaringen yn de kosten. Om se brûke te kinnen, is lykwols mear as allinnich kennis fan de bedraggen nedich. Ik nim as foarbyld dêrom in pear pleatsen yn Boazum, omdat ik wit oft dy pleatsen yn de oanbelangjende jierren al of net folle yn grutte feroare wienen. De earste is in pleats fan 99 pûnsmiet, de grutste fan it doarp. It is de lettere stim 14. Dy waard yn 1633 foar 200 gg. jiers ferhierd, dat is 280 kar.gûne en yn 1711 foar 220 kar.gûne en in healkynsen bûter, dat fiif gûne wurdich wie. De hier wie dus yn dy ieu sakke.

Dat wie oer de hiele liny sa en hoe’t dat krekt gongen wie, is nei te gean oan in oare pleats. Dêr binne mear sifers fan bekend. Dat is de lettere stim 16, fuort neist de foarige. It wie in pleats fan it Ald Boargerweeshús yn Snits. Fan 1630 ôf waard er hieltyd om de njoggen jier ferhierd. Yn 1581 wie de hier jiers 45 gg. Dat hie yn 1511 23 gg. west, inkeld mar in ferdûbeling dus yn dy santich jier. Al yn 1596 waard it lykwols 81 gg. Hurder groei as yn dy koarte jierren tusken 1581 en 1596 hat der nea wer west. De konklúzje kin wêze dat om 1590 hinne de hieren eksplosyf omheech gongen binne. Doe begong mei oare wurden de Gouden Ieu. De groei gong dêrnei noch wol in skoft troch, mar sa hurd net mear. Yn 1630 waard de hier jiers sa’n 135 gg. en dat bleau sa oant 1657, doe’t er ferlege waard nei 115 gg., beide kearen mei ynbegryp fan de ekstra betelling yn de foarm fan in saneamd ‘geskink’. Dat geskink hat doe in skoftlang in middel west om it ferlies oan rendemint by de fêstsette, mar ûnderwilens hurd oprinnende hierprizen te kompensearjen. Yn 1669 sakke de hier nei 80 gg., en dat bleau it jierren, oant er nei 1720 noch fierder sakke.

Wat ferlykbers lit in pleats fan 50 pm. sjen. It giet om stim 27. Oant 1628 bleau de hier wat er yn 1618 ek al wie, 150 gg. Dat waard yn 1631 170 gg., trije jier letter al 240 en wer trije jier letter 260. Dan ûntbrekke gegevens oant 1665. Doe wie de hier wer 240 gg., mar yn 1685 noch mar 200 kar.gûne en dat bleau sa oant 1717. In tredde pleats, stim 18, wie foar de helte fan de tsjerke. Oant 1585 wie de hier stadich omheech gongen fan 9 gg. yn 1511 oant doe 25. Dêrnei gong it hurd omheech, mei boppedat by in nije hiertermyn ek noch in geskink. Yn 1633 wie de hier al 50 gg. mei in geskink fan 150 gg., mar yn 1677 wie er noch mar 42 gg. en twa jier letter waard noch mar 31 gg. betelle. Yn dit gefal binne dy lêste bedraggen sa leech, dat de tsjerke miskyn de hierder in part fan de hier kwyt­skolden hat. Fan 1683 ôf wurdt it tsjerkelân yn dizze pleats in oantal jieren los ferhierd. Alle trije litte sjen dat der om 1630 hinne in grutte ferheging west hat en ek dat de hier dêrnei lang gelyk bleaun is.

In fyfte pleats jout wat in oar byld. Dy waard yn 1618 yn twaën splitst. Tusken 1511 en 1556 ferdûbele de hier en gong dy fan 25 kar.g. nei 53. Yn 1618 waard dat foar beide pleatsen tegearre 196, yn 1666 wie it 266 en dat wie it yn 1711 noch. De sifers wike hjir wat ôf fan de oare fjouwwer, mar yn dit gefal moat rekken holden wurde mei lânferbettering, want hjir lei nochal wat leech lân. Dat is yn de rin fan de tiid better bemeald. Dat ha ek al tusken 1511 en 1556 spile.

It is dus wol dúdlik dat de delgong yndied om 1650 hinne begongen is en tige yngripend west hat. Minne tiden wienen oanbrutsen. Likegoed kin ek it gelykbliuwen tusken 1630 en 1650 derop wize, dat de druk foar de hierders doe nei ferhâlding ek al grut west hat. De groei wie derút en prizen ferleegje is eat, dat net gau dien wurdt. Dat jildt dan uteraard wer meast foar it twadde part fan dy jierren, doe’t wer nije hierterminen ôfsletten wienen, dus foar de tiid nei 1640. Mar bekend binne ek de grutte beswieren yn 1634-’36 tsjin nije belestingen. Mei om dy nije, hegere belestingen dy’t dochs ynfierd waarden, fielden de doarpsfolmachten yn 1637 neat foar it slatten fan de Boalserterfeart. Boppedat woenen se dat net, omdat de prizen fan bûter en fee net mear bot omheech gongen.

In oar bewiis dat nei 1650 de tiden minder waarden, is it ferminderjen fan it oantal pleatsen. Dat oantal wie yn Boazum mei 41 op syn heechst yn 1640. Der wie doe lang splitst yn lytsere pleatsen, mar nei 1640 waarden de lytsten gearfoege mei oaren of lykas yn ien gefal ferhierd as los lân. Op sokke lytsen wie doe gjin bestean mear mooglik. Yn 1700 wienen der al fjouwer minder.

Hoe’t de lâneigeners troch de krisis kamen, is net folle oer bekend, mar maklik moat it ek foar har net west hawwe. Men kin dat sjen oan hoe’t it mei de tsjerke gong, dy’t sels ek lâneigener wie. Der mocht graach in berop dien wurde op de tsjerke-kas, dat blykt yn 1658. De brêge by de Buorren wie al jierren yn ferfal en dêrom waard yn 1658 yn oanwêzichheid fan de grytman yn de tsjerke in gearkomste fan ‘gemeenslieden’ (lês: boeren) belein oer in nije brêge. De tsjerke wie it gebrûklike plak foar gearkomsten dêr’t stimd wurde moast. It moat dêr lykwols in chaos wurden wêze. Nei ‘verscheiden Redenen, voorslagen ende Discoursen’ waarden op útstel fan de grytman elk twa kommittearren keazen út de fjouwer kriten fan it doarp om mei him neier te oerlizzen yn de herberch. Sy kamen mei de dûmny en de beide boeren fan de pastory- en de tsjerkepleats oerien dat dy elk tsien kar.gûne bydrage soenen en fierder boppedat har part yn de omslach oer de pleatsen fan de kosten. De boeren fan de pastory- en de tsjerkepleats soenen ek de brêge oanierdzje as dat nedich wie, mar reparaasjes oan de brêge sels soenen oer alle pleatsen omslein wurde. Op útstel fan de dûmny waard boppedat besletten dat alle pleatsen in goudgûne foar de earmen jaan soenen. De ôfspraken wize der dúdlik op dat der tenearsten op rekkene wie dat de tsjerke de nije brêge betelje soe. Dat wie grif net út weelde.

Koe dit probleem noch frij flot regele wurde, dreger waard dat goed tweintich jier letter, doe’t de tiden noch safolste minder wurden wienen. Der drige yn en nei 1681 eksekutoriale ferkeap fan de trije tsjerkepleatsen, omdat krediteuren rjochtsaken oanspanden. It nypte sa, dat de grytman syn gesach jilde liet en yn 1685 de administrear­jend tsjerkfâd opdracht joech nei Ljouwert te reizgjen en advokaat Cup te freegjen noch wat te wachtsjen mei syn proseduere foar it Hof. Oarsaak fan de skulden wienen twa dingen. Der moasten in soad earmen ûnderholden wurde en der moasten foar dy trije pleatsen hústaksaasjes ôfkocht wurde. In hústaksaasje hold de ôfrekkening tusken hierder en eigener yn fan it ferskil yn steat tusken it hûs sa’t dy by de komst fan in nije hierder wie en by syn fertrek. De ôfkeapen betsjutten in bedrach fan 3000 gûne.

Yn 1686 wie noch net de helt fan de skuld ôflost, dat alle yngesetenen waarden by elkoar roppen om mei elkoar te oerlizzen. Alde skuldeaskers ûnder har seinen ta, har skuld tenearsten net op te foarderjen, wylst it hiele doarp him boarch stelde foar in liening fan 2000 gûne en foar de ôflossing fan de âlde skulden. Yn 1698 koe skreaun wurde dat de skulden fereffene wienen. Alles wie yn it wurk steld om ynkomsten te krijen, lykas it freegjen fan jild foar belieden en it sels meitsje litten fan de deakisten, mar seadden oan de dyk sette it opheffen fan ien fan dy pleatsen mei it omsetten yn ferhier fan it lân as los lân. Dat barde by ynskriuwing en brocht trije kear safolle op. Ek de helte yn in twadde pleats, dy’t fan de tsjerke wie, waard tydlik los ferhierd. Ferlet fan lân wie der dus ek yn dizze minne tiid wol. It docht bliken dat it lân suver allegearre troch oanlizzende boeren hierd waard. Dy sochten it dus yn skaalfergrutting.

Mear fan Philippus Breuker

In busreis mei Trinus Ta de ûnferjitlike mominten út myn libben heart in petear mei de doe al ferneamde Trinus Riemersma
De Gouden Ieu: koarte bloei, lang ferfal Op mear as ien manier kin men sjen litte dat de Gouden Ieu mar koart duorre hat en folge is troch in djippe en lange depresje.
Sosjology fan in frysk doarp yn de Gouden Ieu Boazum wie yn de Gouden Ieu sosjaal in frij igale mienskip. Adel wenne der net mear.
Utrikking Gysbert Japicxpriis 2019 De Gouden Ieu hat mar koart duorre. Op de groei fan rykdom en wolfeart folge in djippe depressy.
De ungelikense fizy op de Fryske skiednis De skiedskriuwing oer Fryslân, dy’t yn de jierren nei 1560 op gong kommen wie, waard foltôge yn it wurk fan Winsemius en Schotanus
Obe Postma oer de jonge húshâlding fan syn âlden
Rougedichten yn de Gouden Ieu Ien dy’t gjin idee hat wat Fryslân yn de santjinde ieu foar in lân wie, sil miskyn tinke dat de taal dêr it Frysk wie. Mar sa wie it net.
Twivel heart derby By de boekoanbieding fan Dreaun fan ierde’ dream: Libben en wurk fan Obe Postma
Skoalmaster yn de Jordaan Yn 1982 belle my in frou út Monnickendam oer Inne de Jong. Sy hie yn 1958 by him yn Amsterdam yn ’e klasse sitten …
Wyldsjitters, fiskerlju en oare bewenners fan dykhuzen De dykbewenners meitsje fan Koarnwert wat oars as in gewoan boeredoarp. Men rûkt der de see. Se hawwe karakteristyk west foar Postma syn bertedoarp en binne it dêrmei ek wurden fan syn poëzy.
1 2