abe de vries rozenga image

Yn ’e iensumens fan it Koarnjumer Aldlân

Meindert Rozenga en homoseksualiteit om 1900 hinne

Abe de Vries - Fers2 4.2, 28 jannewaris 2018

Yn ‘Fryslâns fee is hearefee, Fryslâns grûn is hearegrûn’ haw ik sjen litten dat skriuwer, sjonger en foardrager Meindert Rozenga (1854-1901), de belangrykste grûnlizzer fan it Twadde Winterjounenocht, as keunstner, en ek as ûnderwizer yn in braaf doarpke as Marrum, in riskante posysje keazen hie om’t er yn syn populêre toanieljûnen progressive polityk opnimme woe. Hy siet beknypt tusken ‘klerikaal en liberaal, tusken sosjalist en populist’.Abe de Vries, ‘“Fryslâns fee is hearefee, Fryslâns grûn is hearegrûn”. Meindert Rozenga en de Fryske literatuer’, Fers2 4-1 (14 jannewaris 2018). Webside: http://www.fers2.eu/fryslans-fee-is-hearefee-fryslans-grun-is-hearegrun. Krigen 23 jannewaris 2018. Der is lykwols reden om oan te nimmen dat der noch wat oars wie dat him sosjaal kwetsber makke, sa blykt út fierder ûndersyk: syn homoseksualiteit.In oantrún om yn dy rjochting te sykjen joech Philippus Breuker yn in mail oan my fan 12 jannewaris 2018, wizend op de multy-ynterpretabiliteit fan in opmerking fan Simke Molenaar. Sjoch ek E. [W.A. Eisma], ‘Meindert Rozenga’, Sljucht en Rjucht 35 (1921) s. 419. Ek oanhelle yn Wiersma (1926), s. 622.

Bekend is dat Rozenga yn ’e moarn fan 19 novimber 1901 troch jagers dea oantroffen is by Koarnjum. Hy soe nachts dronken omswalke hawwe, yn in sleat rûn wêze, dêr’t er wer útklom, om midden op in stik lân beklomme te reitsjen en te ferstjerren. Yn de earste kranteberjochten stie te lêzen dat er út in sleat helle wie. Net bekend is dat dik twa wike earder yn Koarnjum in oar stjergefal plakfûn hie, ek fan in fierstente jonge man: de 25-jierrige skippersfeint Jan Douwes Idzenga. Dy wie, seit in advertinsje, nei in wikelange ferpleging yn de húshâlding fan de bakker fan Koarnjum ferstoarn.

De fraach is oft de ien syn tragyske dea wat mei de oar sines te krijen hie. Koene Rozenga en Idzenga elkoar? Wie der in kontakt, of hie dat der west, dat neibesteanden en freonen fan beide manlju besocht hawwe te bemanteljen?

1

It spoar wurdt útset troch in detail yn it ferhaal fan de pianist fan it duo Rozenga en Molenaar, Johannes T. de Jong, in omke fan skriuwer J.P. Wiersma. Dy fertelt 25 jier letter yn It Heitelân dat in dronken Meindert Rozenga yn ’e jûn fan 18 novimber 1901, in pear oeren foar syn dea, yn Koarnjum by ‘in bakker’ oan west hie.J.P. Wiersma, ‘Ien en oar oer Meint Rozenga’, It Heitelân 8-52 (25 desimber 1926), s. 621-624. De Jong seit der fierder neat oer, mar dat moat Wybe Johannes Nijdam (1850-1928) west hawwe, syn bakkerij stie midden yn it rychje huzen oan ’e (wilens tichtsmiten) Koarnjumer Feart, net fier fan it treinstasjon.

Wêrom, kin men ek nei 117 jier freegje, gie Rozenga nei Nijdam ta? Wêrom krige er fan de bakker by it fuortgean in pet mei, sa’t De Jong meldt? It oerlevere ferhaal swijt deroer. It seit dat er al yn Jelsum útstappe wollen hie, en lit him by Koarnjum de hoed fan ’e holle waaie, mei de wyn as deus ex machina. Mei oare wurden, syn oanstekken by de bakker ferskynt as tafal, hy wie ommers dronken. Mar wat, as it gjin tafal wie, en hy hie der idee by?

Tolve dagen foar Rozenga syn lêste reis stiene dizze twa rouberjochten yn de Leeuwarder Courant (6 novimber 1901):

Heden overleed te Cornjum onze geliefde Zoon en Broeder Jan D. Idzenga, in den bloeienden leeftijd van bijna 26 jaren. Tzum, 31 October 1901. Uit aller naam: D.I. Idzenga. Kennisgeving aan Familie, Vrienden en Bekenden. Wegens bijzondere omstandigheden eerst heden geplaatst.

En dêrûnder:

Heden overleed, in den bloeienden leeftijd van bijna 26 jaren, Jan D. Idzenga. Valt het ons zwaar een Knecht te zien heengaan, die ons ruim 3 jaar trouw diende, nog zwaarder valt het haar, die met hem wenschte in den echt te worden verbonden. Cornjum, 31 October 1901. D. de Vries G. Smits Joh. de Vries. Kennisgeving aan Familie, Vrienden en Begunstigers. Wegens bijzondere omstandigheden eerst heden geplaatst.

Yn de earste advertinsje docht Idzenga syn heit kundskip fan syn ferstjerren. Yn de twadde docht syn wurkjouwer dat; wy wurde der ek út wiis dat Jan Idzenga en skippersdochter Johanna de Vries (1880-1953) trouplannen hienen. De heit en de wurkjouwer binne beide nochal let mei har tekst en komme der op deselde dei mei, wat op oerlis en koordinaasje wiist. Mar dan binne wy noch net by bakker Nijdam. Twa dagen letter sette de heit fan de ferstoarne skippersfeint noch in kear in advertinsje yn ’e krante (8 novimber 1901), diskear om foar de ferpleging fan syn soan tank te sizzen:

Hartelijke dank aan W. Nijdam en Echtgenoote en Zoon te Cornjum, voor de liefderijke verpleging en algeheele toewijding aan Jan D. Idzenga gedurende de laatste weken van zijn lijden bewezen. Uit aller naam, D.I. Idzenga.

Guon krantelêzers sil it opfallen wêze dat de earste twa rouadvertinsjes hast in wike nei de dea fan Idzenga publisearre waarden. Men koe sjen dat de fertraging ferantwurde wurde moast: de heit wiisde sels op ‘bijzondere omstandigheden’. De ‘bloeienden leeftijd’ fan de ferstoarne en de fermelding dat in houlik op steapel stie ferheegje it dramatysk karakter fan it berjocht. Mar in útfeartdatum wurdt net neamd; de wenstige earbewizen oan in deade wiene dus net fan tapassing en it publyk koe gjin ôfskie nimme. Ek wurdt syn dea net as in misdied rapportearre. Sil de lêzer net tocht hawwe oan suiside? De tredde advertinsje, twa dagen letter, nimt presys dy gedachte wei: hy is lang ferpleegd, hy sil dus wol oan in sykte ferstoarn wêze.

2

Jan Douwes Idzenga (1875-1901) wie de skippersfeint fan de Koarnjumer turfskipper Douwe Tabes de Vries (1848-1929). Hy kaam út in grutte Tsjommer húshâlding mei mear as tsien bruorren en susters. Syn heit wie winkelman, letter turfskipper. De húshâlding wie griffermeard.Boarne: Tresoar. Hennaarderadeel (Baijum t/m Wommels) 1860-1870 inventarisnummer 318. Gemeente: Hennaarderadeel. Lykas talleazen út de legere stannen hat er amper of gjin papieren spoar neilitten en binne der gjin te riedplachtsjen oantinkens oer him op papier set. Hy moat yn 1897, nei de dea fan syn mem,Boarne: Tresoar. Memories kantoor Harlingen, archiefnummer 42, Memories van successie - Tresoar, inventarisnummer 7059, aktenummer 1676. Gemeente: Harlingen. Periode: 1897. by De Vries yn tsjinst kommen wêze, mar krekt yn maart 1901 liet er him ynskriuwe yn Koarnjum, as meibewenner fan De Vries syn skip de ‘Hoop op Zegen’.Boarne: Tresoar. Bevolkingsregister, familienamen Venema, S. - Wassenaar, Jan, archiefnummer 1007, inventarisnummer 1967. Krigen fia Alle Friezen, http://www.allefriezen.nl/. Skipper De Vries en de frou hienen al sûnt 1879 Koarnjum as wenplak. Twa moanne letter kaam ek Johanna, dy’t by famylje fan har mem yn Marrum opgroeid wie, op it skip te wenjen.Boarne: Tresoar. Bevolkingsregister, familienamen Venema, S. - Wassenaar, Jan, archiefnummer 1007, inventarisnummer 1967. Krigen fia Alle Friezen, http://www.allefriezen.nl/.

Op 31 oktober 1901 is Jan Idzenga ferstoarn, middeis om trijen hinne ‘in het huis no. 43’. Sa stiet it alteast yn de akte fan ferstjerren.Boarne: Tresoar. Overlijdensregister 1901, archiefnummer 30-23, Burgerlijke Stand Leeuwarderadeel - Tresoar, inventarisnummer 3032, aktenummer 167. Krigen fia www.allefriezen.nl. Wierskynlik wie dat it hûs fan bakker Nijdam; de oanjefte op it gemeentehûs yn Huzum is op 2 novimber dien troch Nijdam en skipper De Vries.

De besite fan Rozenga oan Nijdam op de jûn fan syn dea, en it meikrijen fan in pet, binne de iennichste oanwizingen dat der kontakt tusken Rozenga en Idzenga west hawwe moat. Dat kontakt is mooglik ûntstien op ien fan de Winterjounenochtjûnen, of fia kunde fan beide kanten. De frou fan skipper De Vries, Grietje Jilderts Smits (1850-1918), wie in dochter fan de turfskipper fan Marrum, it doarp dêr’t Rozenga oan skoalle stie. Twa fan har bruorren wennen yn Marrum en hiene dêr bern op skoalle.

It sil foar Rozenga reden west hawwe foar soarch en hoedenens. Homoseksualiteit wie net strafber en yn de gruttere Nederlânske stêden bestie wol in gay life, mar op it plattelân wie skande en diskriminaasje in grut risiko. Homoseksueel te wêzen wie noch dêr oan ta, mar korrespondearjend gedrach waard net tolerearre.Gert Hekma, ‘”Bewaar mij voor den waanzin van het recht”. De jurisprudentie met betrekking tot homoseksueel gedrag in Nederland (1811-1911)’, yn: J.E.A. Boomgaard. S. Faber, P.C. Jansen, R.W.G. Lombards en D.J. Noordam, red., Criminaliteit in de negentiende eeuw (Verloren, Hilversum 1989), s. 115-124; Gert Hekma, ‘”De hetero’s komen binnen in brood verborgen”. Het tegendraadse leren van homoseksuele jongeren’, Amsterdams Sociologisch Tijdschrift 21-1 (1974), s. 152-175. Webside: http://rjh.ub.rug.nl/ast/article/viewFile/23604/21057. Krigen 26 jannewaris 2018. Dat moast yn it tsjuster en soks gou al hielendal foar in kontroversjele, want foardragende iepenbiere skoalmaster yn in doarp mei in kristlik-nasjonale skoalle op kommendewei.It wurd ´homoseksueel´ komt, ôfgeand op delpher.nl, krekt yn 1905 foar it earst foar yn Nederlânske kranten, yn ferbân mei it proses yn Berlyn fan graaf Kuno von Moltke fs. de sjoernalist Maximiliaan Harden. Yn de ferslachjouwing fan it eardere Britske proses tsjin Oscar Wilde yn 1895 koe men it ôf mei ´neigingen´ en ´onzedelijkheden´. Fermelding yn L.M. Hermans, ´Boekbeoordeling. Van ´t leed der waarheid, door Johan Schmidt´, Het Volk (28 oktober 1905). Lykas letter by Douwe KalmaD. Sijens, Douwe Kalma yn piama en oare stikken oer de Fryske literatuer (Koperative Utjowerij, Easterein 2004). en Obe PostmaD. Sijens, ´En by dat halte-stasion hear ik syn stim. Oer de dichter Obe Postma en syn homoseksualiteit´, Trotwaer 29 (1997) s. 32-38. is út Rozenga syn wurk syn seksueel aard dus ek net ien op ien ôf te lieden, of men moat syn ûnderskate foardrachten oer it net fûn hawwen of net krije kinnen fan in frou yn dat ljocht besjen wolle.

Syn freonen hawwe nei Rozenga syn dea ek wat út ’e wei gean wollen. ‘De reden forswij ik ljeaver’, skreau Molenaar yn 1921 oan útjouwer Eisma oer syn opstappen út it duo.E. [W.A. Eisma], ‘Meindert Rozenga’, Sljucht en Rjucht 35 (1921) s. 419. Ek oanhelle yn Wiersma (1926), s. 622. In formulearring dêr’t nochal romte yn sit en dy’t foar meardere útlis fetber is. Hie Molenaar, dy’t ûnthâlder wie, net gewoan de drank neame kinnen? Op ’e drank hiene Rozenga syn sosjalistyske ‘freonen’ ommers al dalik nei syn dea wiisd.M.K., ´Gemengd’, Het Volk (28 novimber 1901); K[laas] Groenewoud (1865-1926) wurdt sitearre yn: ‘M. Rozenga’, Nieuwsblad van Friesland (4 desimber 1901). Dy lêste wie in timmerfeint út Stiens, en in freon of bekende fan Van der Velde, sjoch: Klaas Betten, Over de liefhebberij voor boeken. Honderd jaar boekhandel Van der Velde (Boekhandel Van der Velde, Leeuwarden 1992), s. 58. Groenewoud siet earder yn it bestjoer fan de Volkspartij ôfdieling Ljouwerteradiel (Leeuwarder Courant, 16 july 1891); yn 1901 kaam er foar de SDAP yn de gemeenteried. Het Volk (20 july 1901). Sa net, yn 1926 sei útjouwer Rinze van der Velde dat Rozenga nét dronk yn syn tiid mei Molenaar – dat soe pas dêrnei begûn wêze. ‘Ik kin jo sizze, yn ’e jierren, det hy mei Molenaar reizge, brûkte hy neat, mar letter is dat wol foroare. Ho’t det kaem – ik wit it net’, sa swijde er oer de reden fan Rozenga’s ûnderstelde drinken.J. Winkelman, ´R. van der Velde sauntich jier´, It Heitelân 8-46 (13 novimber 1926), s. 543.

De story line fan it bûtenwenstich alkoholgebrûk, dy’t ek troch Kalma (1975) en Hoekema (1976) fuortset is,Mar J.J. Kalma, ´Meindert Rozenga. In reade skoalmaster rekket oan de drank´, It Beaken 37 (1975) s. 386-398, jout gjin fynplakken. Hoekema publisearre nei it stik fan Kalma in brief fan Van der Velde oan Wielsma, dd. 21 novimber 1901. It opfallende is dat der gjin inkelde ferwizing yn sit nei drank, wol nei earmoede. T. Hoekema, ´Meindert Rozenga syn dea´, Us Wurk 25 1-4 (1976), s. 84-85. kin maklik as dekmantel tsjinne hawwe foar as problematysk beskôge gedrach dat fierder net beneamd waard. Ek doe’t Woudman mear as tritich jier nei Rozenga syn dea Marrum oandie op reportaazje, koe net rjocht op it stik oan praat wurde:

Zij, de oude dorpsgenooten die het weten kunnen, zij zwijgen van in stilte verkropt leed, van den zielestrijd, veel hartepijn en meer, die hieraan zijn voorafgegaan. ‘Hwent hy hie in hert fen goud’, voegen zij er, na een oogenblik stilte, aan toe.Woudman [ps. fan W.A. van der Meulen], ´Fryske Winterjoune-nocht. Rozenga en Molenaar. II In memoriam´, Nieuwsblad van Friesland (15 april 1932).

3

Gearfetsjend: it wierskynlike kontakt dat Rozenga hân hie mei Jan Idzenga foarmet de achtergrûn fan de feiten op 18 en 19 novimber sa’t se oerlevere binne. Hy is op 18 novimber net tafallich yn Koarnjum út ’e trein stapt, mar hy moast dêr wêze. Hy is net tafallich by Nijdam bedarre, mar om’t er dêr boadskip hie – dy syn húshâlding hie syn freon of eks-freon fersoarge (neffens de krante) en hy krige in pet (fan Idzenga?) mei. Hy is net tafallich, troch dronkenskip, in ûngemak en beklomme reitsjen ferstoarn, mar hat himsels yn ’e iensumens fan it Koarnjumer Aldlân tekoart dien.

Rozenga woe net dea, mar koe net langer fierder mei syn lijen. Dat is net itselde. It doel fan suiside is neffens Ad Kerkhof net de dea, mar ‘het stoppen van het bewustzijn van onophoudelijk ondraaglijk lijden op dit moment en in de toekomst’; as de iennichste wize om dat te berikken wurdt dan it deadzjen fan it eigen libben sjoen.Ad Kerkhof, ´Terminologie en definities´, yn: Ad Kerkhof en Bert van Luyn, red., Suïcidepreventie in de praktijk (Bohn Stafleu Van Loghum, Houten 2010), s. 3-22, 7. De besite oan de bakker soe neffens Friduwih Riemersma wize kinne op planning, basearre op de langst om it lijen út ’e wei te gean út in persepsje fan hopeleazens wei: ‘dwaan wat noch dien wurde moast’.Mail Friduwih Riemersma oan my, dd. 26 jannewaris 2018. Riemersma stelt dat it argumint fan net dea wollen suiside net útslút. Bygelyks seit Rozenga syn útjouwer Van der Velde (sjoch ‘Fryslâns fee is hearefee’) dat Rozenga krekt nije foardrachten skreaun hie foar publikaasje. Van der Velde suggerearret mei Rozenga syn takomstplannen dat Rozenga net dea woe en de dea dus in tragysk ûngefal of fersin wie. Mar ek by suiside is de dea net winske.

Al langer lei Meindert Rozenga fan ûnderskate kanten ûnder fjoer of fielde er druk, sa´t ik sjen litten haw yn it earste essee. Boppe op sosjalistysk ûnbegryp foar syn entertainerskarriêre, liberale yrritaasje oer syn maatskippijkrityk en ortodoks skandesprekken fan it ‘duvelske’ foardragen, kaam noch de eangst dat it ‘skandaal’ fan syn homoseksueel hâlden en dragen – mei faaks ek noch in slachtoffer as gefolch? – nei bûten komme soe. Alles mei-inoar moat it tefolle west hawwe.

Plannen hie er noch genôch. Rozenga hat gjin lêste brief mei útlis neilitten, mar wol it manuskript fan Nieuwe voordrachten.M. Rozenga, Nieuwe voordrachten (Van der Velde, Ljouwert 1901). Foardrachten yn it Nederlânsk, wylst er sân jier lang eins inkeld yn it Frysk optreden hie. Woe er mei syn keunst út it doarp wei en nei de stêd ta, miskien nei Amsterdam? Doe’t er yn 1891 en 1892 rûnom yn ’e provinsje foar de kiesrjochtbeweging, de Volkspartij en de SDB op it poadium stie, wie dat ek al twatalich. Om nei sân folslein Frysktalige Winterjounenochtjierren (as duo en solo) mei Nederlânsktalige plannen te kommen, dat tsjûget op syn minst fan de winsk om fan kultureel sirkwy wikselje te kinnen. Oft dy ûntsnapping kâns op súkses hân hie? Wa wit.

Noaten

  1. Abe de Vries, ‘“Fryslâns fee is hearefee, Fryslâns grûn is hearegrûn”. Meindert Rozenga en de Fryske literatuer’, Fers2 4-1 (14 jannewaris 2018). Webside: http://www.fers2.eu/fryslans-fee-is-hearefee-fryslans-grun-is-hearegrun. Krigen 23 jannewaris 2018.
  2. In oantrún om yn dy rjochting te sykjen joech Philippus Breuker yn in mail oan my fan 12 jannewaris 2018, wizend op de multy-ynterpretabiliteit fan in opmerking fan Simke Molenaar. Sjoch ek noat 13.
  3. J.P. Wiersma, ‘Ien en oar oer Meint Rozenga’, It Heitelân 8-52 (25 desimber 1926), s. 621-624.
  4. Boarne: Tresoar. Hennaarderadeel (Baijum t/m Wommels) 1860-1870 inventarisnummer 318. Gemeente: Hennaarderadeel.
  5. Boarne: Tresoar. Memories kantoor Harlingen, archiefnummer 42, Memories van successie - Tresoar, inventarisnummer 7059, aktenummer 1676. Gemeente: Harlingen. Periode: 1897.
  6. Boarne: Tresoar. Bevolkingsregister, familienamen Venema, S. - Wassenaar, Jan, archiefnummer 1007, inventarisnummer 1967. Krigen fia Alle Friezen, http://www.allefriezen.nl/. Skipper De Vries en de frou hienen al sûnt 1879 Koarnjum as wenplak.
  7. Ibidem.
  8. Boarne: Tresoar. Overlijdensregister 1901, archiefnummer 30-23, Burgerlijke Stand Leeuwarderadeel - Tresoar, inventarisnummer 3032, aktenummer 167. Krigen fia www.allefriezen.nl.
  9. Gert Hekma, ‘”Bewaar mij voor den waanzin van het recht”. De jurisprudentie met betrekking tot homoseksueel gedrag in Nederland (1811-1911)’, yn: J.E.A. Boomgaard. S. Faber, P.C. Jansen, R.W.G. Lombards en D.J. Noordam, red., Criminaliteit in de negentiende eeuw (Verloren, Hilversum 1989), s. 115-124; Gert Hekma, ‘”De hetero’s komen binnen in brood verborgen”. Het tegendraadse leren van homoseksuele jongeren’, Amsterdams Sociologisch Tijdschrift 21-1 (1974), s. 152-175. Webside: http://rjh.ub.rug.nl/ast/article/viewFile/23604/21057. Krigen 26 jannewaris 2018.
  10. It wurd ´homoseksueel´ komt, ôfgeand op delpher.nl, krekt yn 1905 foar it earst foar yn Nederlânske kranten, yn ferbân mei it proses yn Berlyn fan graaf Kuno von Moltke fs. de sjoernalist Maximiliaan Harden. Yn de ferslachjouwing fan it eardere Britske proses tsjin Oscar Wilde yn 1895 koe men it ôf mei ´neigingen´ en ´onzedelijkheden´. Fermelding yn L.M. Hermans, ´Boekbeoordeling. Van ´t leed der waarheid, door Johan Schmidt´, Het Volk (28 oktober 1905).
  11. D. Sijens, Douwe Kalma yn piama en oare stikken oer de Fryske literatuer (Koperative Utjowerij, Easterein 2004).
  12. D. Sijens, ´En by dat halte-stasion hear ik syn stim. Oer de dichter Obe Postma en syn homoseksualiteit´, Trotwaer 29 (1997) s. 32-38.
  13. E. [W.A. Eisma], ‘Meindert Rozenga’, Sljucht en Rjucht 35 (1921) s. 419. Ek oanhelle yn Wiersma (1926), s. 622.
  14. M.K., ´Gemengd’, Het Volk (28 novimber 1901); K[laas] Groenewoud (1865-1926) wurdt sitearre yn: ‘M. Rozenga’, Nieuwsblad van Friesland (4 desimber 1901). Dy lêste wie in timmerfeint út Stiens, en in freon of bekende fan Van der Velde, sjoch: Klaas Betten, Over de liefhebberij voor boeken. Honderd jaar boekhandel Van der Velde (Boekhandel Van der Velde, Leeuwarden 1992), s. 58. Groenewoud siet earder yn it bestjoer fan de Volkspartij ôfdieling Ljouwerteradiel (Leeuwarder Courant, 16 july 1891); yn 1901 kaam er foar de SDAP yn de gemeenteried. Het Volk (20 july 1901).
  15. J. Winkelman, ´R. van der Velde sauntich jier´, It Heitelân 8-46 (13 novimber 1926), s. 543.
  16. Mar J.J. Kalma, ´Meindert Rozenga. In reade skoalmaster rekket oan de drank´, It Beaken 37 (1975) s. 386-398, jout gjin fynplakken. Hoekema publisearre nei it stik fan Kalma in brief fan Van der Velde oan Wielsma, dd. 21 novimber 1901. It opfallende is dat der gjin inkelde ferwizing yn sit nei drank, wol nei earmoede. T. Hoekema, ´Meindert Rozenga syn dea´, Us Wurk XXV 1-4 (1976), s. 84-85.
  17. Woudman [ps. fan W.A. van der Meulen], ´Fryske Winterjoune-nocht. Rozenga en Molenaar. II In memoriam´, Nieuwsblad van Friesland (15 april 1932).
  18. Ad Kerkhof, ´Terminologie en definities´, yn: Ad Kerkhof en Bert van Luyn, red., Suïcidepreventie in de praktijk (Bohn Stafleu Van Loghum, Houten 2010), s. 3-22, 7.
  19. Mail Friduwih Riemersma oan my, dd. 26 jannewaris 2018. Riemersma stelt dat it argumint fan net dea wollen suiside net útslút. Bygelyks seit Rozenga syn útjouwer Van der Velde (sjoch ‘Fryslâns fee is hearefee’) dat Rozenga krekt nije foardrachten skreaun hie foar publikaasje. Van der Velde suggerearret mei Rozenga syn takomstplannen dat Rozenga net dea woe en de dea dus in tragysk ûngefal of fersin wie. Mar ek by suiside is de dea net winske.
  20. M. Rozenga, Nieuwe voordrachten (Van der Velde, Ljouwert 1901).

Mear fan Abe de Vries

Gedichten om mar better dalik te lêzen Miskien wiene wy der beide, Jennifer, mei de holle / net by, miskien wie ik by Simen Styl
De frijmitseler fan Camstrabuorren Libben en wurk fan Dirk Bouma Nieuwenhuis (1814-1873)
De betsjoende boeredochter Skriuwer en mienskip yn it Spannum fan Waling Dykstra
It plagiaat fan Verwijs Fryske literatuer yn Platdúts en Hollânsk perspektyf
It folk, skjin as wetter Konstruksje fan kritysk Frysk folkseigen by Waling Dykstra
De histoarje fan de duvel en Watse Klop Waling Dykstra, in folksferhaal en de skoalstriid yn Noard-Fryslân
‘Jimmer moat ik smeulend hearre’ De leste minstreel fan Walter Scott en it liet fan Waling Dykstra
Wa riidt dêr oer de dyk Yn September en October 2018 sil yn it WTC Expo yn Ljouwert it “spectaculair indoor theaterevenement” De Stormruiter plakfine. It wurdt ien fan de klapstikken fan it Lwd-Fryslân 2018 programma.
Scientias Miskien ha de aliens gjin/ fêste grûn ûnder de fuotten.
Op Ropsyl Der is in flakte, neffens stedske mjitting leechte,/ fol kleur en rigen biten om tsjin stoarm te rinnen
1 2 3 4 5 6 7 8 9