image

Ald en nij

Goaitsen van der Vliet - Fers2 nû. 2.8, 17 april 2016

Aldjiersjoon twatûzen safolle. Fan achter de tafel mei de leptop wei, sjoch ik troch it greute finster fan myn terrarium nei bûten ta. Yn yslik strjitljacht hinget in dize fan mist en reek. De oars sa stille jonge fan hjiroer stiet lyts fjurwurk ou te stekken, wylst syn âlden yn ’e hûs by de krystlampkes sitte. Krekt as oare jierren. Hy krijt wat út in plestyk pûde, hâldt der in brânende oanstekker by, smyt it gleaune ding foar him op ’e dyk en wachtet, as wie der neat te rêden. As in pear tel letter de fjoerflits komt mei de droege knal, taast syn hân al nei de folgjende. It is in eigenaardige rite, oan ien tried wei wer. Alderonnutst, soe men seze. En dat yn dy ferrekte rotkjeld. It skynt der allegear by te hearren.

Wylst ik beprakkesearje hoe’t ik fierder sil, wurdt it starige tikjen fan de klok op de skoarstienmantel onderbrutsen troch in klik, en daverje alve dûbelde slaggen troch de keamer. It is de pendule dy’t by ús pake en beppe yn de moaie keamer ston. De keamer dêr’t wy as bern net boartsje mochten, en dêr’t allinne dat oerwurk de boel noch in bytsje yn beweging hoold. Jierrenlang al hie er stilston. Alle kearen at ik de slinger in setsje joech, begong er wol te rinnen, mar fierder as in pear minuten kaam er noait.

Oant in wike as trije lyn. Doe’t ik dy joons op bêd soe, die ik myn mobyltsje oan de oplader by de klok en kôm der mei de earm tsjinoan. In kertierke letter, boppe, yn myn nust, wie it ynienen as wie ik wer út fan hûs by ús pake en beppe Beetstersweach. Fan onderen klonk it dôve lûd fan it slaan fan dy klok, krekt sa’t ik it doetiids heard hie, yn it opklapbêd onder de planke mei âlde boeken. Alle kearen bin ik dêr no wer, op de heule en de heale oeren.

Ek âldjiersjonne 1960 wie ik by dyselde pake en beppe, mei ús heit en mem, myn broer en op syn minst noch in omke, in tante, in neef en in nichtsje. Wy hienen noch gjin auto, koenen net mear mei de bus werom nei Burgum, en bleaunen allegear te sliepen. Krekt foar tolven waarden myn broer en ik fan ’t bêd helle om der by te wêzen.

Ik hie in rûzige njoggende jiergong achter de rêch. Noch mar krekt wie ik genêzen fan in stege hûdútslach. Ik hie sliept mei plakkerige salvemaskers op, mei ynknipte gatten foar de egen, en hie my op skoalle kwalik sjen litten doard. It hie ek it lêste jier west, dat ik noch leaude yn Sinterklaas. Om’t dat wol wat let wie foar myn âldens, hie myn broer my foarsichtich út de dream holpen. Foar fiif desimber hie ik noch oan beppe Lippenhuzen skreaun: “’s Avonds zetten we het mandje op. U ook?” It begjin fan de twifel.

Onderwilens leau ik yn neat mear. Ousjoen dan fan de fergonkelikhyd fan alles wat moai en lillik is. Dat lêste makket alles goed.

It moaiste by pake en beppe Beetstersweach wie, se hienen tillefyzje. Dat wie wat. As dy óan gong, waard de keamer omboud yn in echte bioskoop. It tastel mei it bolle glês ston oan ’e raamkant. Heuch op in planke oan de muorre, wy moesten oer de yttafel hinne sjen. Alle rjochte stuollen waarden oan de oare kant yn twa rigen tsjin de muorre set. Allinne ús pake bleau op healwei sitten yn syn brede briedstoel, mei de oustânsbetsjinning foar de greep.

Ik sei: oustânsbetsjinning. Wylst wy yn 1960 sa fier fan Dútslân ou noch neat te kiezen hienen. Wy seagen net nei Nederlân 1, mar tillefyzje. Swart-wyt. It iennichste wat der te regeljen foel, wie it lûd. En dêrta hie in warbere elektrisiteitsman in kastje makke mei in draaiknop dy’t mei in lange tried oan ’e tillefyzje fêst siet. Us pake wie in pionier.

Altyd as it heve soe, gong de greute hinglampe boppe de tafel út. Allinne de kachel gluorke troch. Wy sieten op ús tribune hast yn it tsjuster, en seagen mei alle egen nei dat bjusterbaarlike, blauw ljachtsjende byldskerm.

Fan it heugste momint fan dy âldjiersjonne wyt ik neat mear. Benammen net fan it útwikseljen fan de bêste winsken en soks. Lok yn it nije jier wie wat foar greute minsken mei de kop yn ’t sân. En seine? Ik wist net iens wat it wie. Ja, seine harje, dat dienen se by ús by de dyk at se de sleatswâlen meanden. Dêrby, wat stelde ’t no feitlik foar? Ik hie de deis dêrfoar myn jierdei al hân.

Ald en nij is foar my altyd in bytsje it sâlt as it aai op is. Myn nije jier is al út ein set, at de measte oaren noch drok yn ’e slach binne mei it âlde. Sa is âldjiersdei foar my in ferlerne tuskentrochdei.

Nimmenstiid. En dêrom faaks ek wol it ultime momint om te skriuwen. Lykas hjir en no.

Oer hoe’t ik dêr siet, bygelyks, in heale ieuw lyn, mei in dikke trui oer de piama hinne strûpt, koart nei hynstemiddei, oan it begjin fan in nij kalinderjier. Fan de achterste rige ou, seach ik slûch lâns de heuch opskeerde nekke fan in omke nei het flikkerjende finster fan de tillefyzje. Der wie in man op mei in wyt kartonnen buordsje yn ’e hannen. 1961 ston der op. Hy sei dat dit in heul bysonder jier wie, en dat wy wol oan 6009 ta wachtsje moesten foar’t sa’n jier der wer komme soe.

‘Want,’ seid er, ‘als je het omdraait staat er precies hetzelfde. Kijk maar.’

1961

Ik foel hast fan myn stoel fan oerdwealskens. Dat ik dat belibje mocht!

Ik seach om my hinne, mar behalven myn broer wie der net ien yn ’e keamer dy’t der wat fan meikrigen hie. Se sieten mar te jeuzeljen en hienen krekt as oars gjin aan fan wat der yn myn wrâld allegearre omgong.

Dat seagen se de oare moarns wol. De doarpsstrjitte lei fol mei los guod, oeral weihelle troch de nijjiersnachttôgers. Kroaden, fûgelhokjes, saachbokken en tobben. In melkmasine sette de wei ticht by Hotel De Klok. Skyttontsjes wienen oer de strjitstiennen leegkipere.

“Skandalich”, sei ús mem.

Op it heuge platte dak fan de âlde doarpsskoalle ston in mânske boerewein. Hoe hienen se dy nei boppen krigen? Yn stikken miskyn? Ik seach mysels al in onbidich fjild yn ’e huchte takeljen.

“De bus sil sa wol komme”, sei ús heit.

Fan fierrens klonk de tonger fan karbyd.

Ynienen is dêr wer dy klik yn ’e keamer, en begjint de âld klok fannijs te slaan. Ik tel mei oan tolve ta en wachtsje, oan’t foar op ’e dyk de duvel losbrekt. Fjoerpylken sjitte yn ’e huchte. In fierstentefolleklapper makket foargoed in ein oan it âlde jier. Ik sjoch skimen skowen en meiïnoar fûstkjen. Wat no? Ik mat de twastriid winne, tink ik noch. Mar dan wurdt der op it glês tikke en sjoch ik lyk yn de egen fan myn alderaardichste buorfrou. Se laket en winkt my nei bûten ta.

Ik breidzje in ein oan myn ferhaal en lit mysels gean.

Mear fan Goaitsen van der Vliet

0 results