Stypje Fers2 mei €5, €20, €50 of €100

Is in ûnôfhinklike Fryske literatuer mooglik, dat wol sizze literatuer dy’t ta stân komt sûnder subsydzje fan de provinsje of it Letterenfonds?

De gollens fan yndividuele donateurs hat makke dat Fers2 fan syn berte op 1 jannewaris 2015 ôf Fryske skriuwers en lêzers tsjinje kin. Jo donaasje helpt om lêzers belutsen te hâlden by de Fryske literatuer, it ûnderstipet Fryske skriuwers mei in serieus literêr medium en it ynspirearret de nije generaasje ta de grutte literatuer.

Oars as de oare literêre tydskriften yn en bûten Fryslân krijt Fers2 gjin oerheidssubsydzje. Fers2 hat sjen litten dat it dûbel en dwers oan de ynhâldlike betingsten foar subsydzje foldocht, lykas profesjonaliteit, belang foar de literatuer, kwaliteit, foarmjouwing en fernijing. Mar oan de subsydzjebetingst fan publyksberik, dus hoe grut oft it lêzerspublyk is en hoefolle abonnees oft der binne,* wol Fers2 doelberet gjin konsesjes dwaan. Ommers de subsidiearre Fryske literêre en foar in part literêre tydskriften betsjinje net it publyk dat troch de millennia hinne mar lyts west hat: de lêzers en skriuwers fan artistike, krityske, sykjende en fernijende literatuer. Foar harren is Fers2 der.

De redaksje wol dêrom graach frij fan oerheidsstipe bliuwe. Mar wy wolle likegoed de skriuwers dy’t bydragen leverje oan Fers2 in fergoeding biede dy’t strykt mei de gongbere noarm. Dêrom hawwe wy ferlet fan jo stipe. Wy wolle jo freegje om stiper te wurden fan Fers2 troch in donaasje te dwaan fan €5, €20, €50 of €100, foar ien kear of foar de jiergong .

Dy’t stiper wurde wol, kin in bedrach nei foarkar stoarte op rekkennûmer NL94 TRIO 0338 4036 04 fan de Stichting Grotesk (Boomstraat 32d, 1015 LC Amsterdam, ynskreaun by Keamer fan Keaphannel ûnder nûmer 66810531).

Ja, jo jefte mei ôflutsen wurde fan de belesting. Hawwe jo oare fragen oer it donearjen, lykas “Wat dogge jimme mei myn sinten?”, dan kinne jo ús berikke op ynfo@fers2.eu.

It Fers2-sifer fan ‘daily average visits’ wie yn de earste moannen fan 2015, dalik nei oprjochtsjen fan it tydskrift, om de 60 hinne. It oantal ‘hits’ wie folle heger.