image gedichten jaap veenstra

Poezij

Jaap Veenstra Fers2 nû. 6.2, 29 maart 2020

Alde blauwe reenjas

’t Is fjouwer oere moarns, yn ’t koartst fan de dagen

Dit brief, giet ‘t wat better, ik haw noch in pear fragen

’t is kâld New York, mar ‘t is myn stee, myn eigenste stêd

der is sigeuner musyk yn Clinton Street oan’t jûns let

se sizze, datst oan’t bouwen bist, djip yn it ferlitten, iensume leech

’t wierheid suverjende tredde each

datst libbest mei niks en neat, liket my dreech

ja en Jane kaam del mei in plukje fan dyn hier

fan dy krigen, sei se tjsin my

dy nacht yn it ljocht fan de moanne

dy nacht yn it ljocht fan de moanne

de lêste kear dat wy dy seagen, aardich âlder ek

âlde blauwe reenjas oer it skouder, wie stik

wiest nei it stasjon west, wachtest op eltse treen

mar do kaamst thús sûnder dyn Lilli Marlene

foar dy wie’t net oars as wille, in fersetsje, it docht sear

en doe’t se wer thús kaam wie se fan ús beide net mear

ja en Jane kaam del mei in plukje fan dyn hier

fan dy krigen, sei se tsjin my

dy nacht yn it ljocht fan de moanne

dy nacht yn it ljocht fan de moanne

ik sjoch dy sitten, mei in roas tusken de tosken

froulju’s man, fersierder, spegel

Jane is wekker en wosken

ja en Jane kaam del mei in plukje fan dyn hier

fan dy krigen, sei se tsjin my

dy nacht yn it ljocht fan de moanne

dy nacht yn it ljocht fan de moanne

moatst de groetnis ha, myn broer, myn moardner,

wer moat wy it noch oer ha ferstean in grutter hert gol

ken mysels ek net, mis dy en begryp it wol

in slynder siket leafde, net in bytsje ta

as’t ea by ús thúskomst foar Jane of wat wit ek foar mij

wit, dyn fijan slept en syn leave Jane is frij

tankewol, do tutest de swierte fan har eagen

‘k tocht dat ‘t dêr foar altyd wenne

dat wie in leagen

(sincerely, L. Cohen)

Bewurking fan Leonard Cohen syn Famous Blue Raincoat

➰➰

in klaptaffeltsje in klapstoel en in badlekken dit is foar eefkes no ús hûs seistû

yn giel en blau en silt rôljende weagen heinden reade lippen en in sinnebril in

spêgel fan amperklaaid ynsmard brún de wyn waaide frituur en bier út oer de

see midden boartsjende bern en in hûn yn it wetter ja de tiid is fan ús seistû

it wurdt floed tocht ik de flaggen joechen oan dat it opkommend wetter wie

Steendorp / Antwerpen

yn dit Flaamske doarp dêr’t op waarme dagen yn nauwe

strjitten de sinne yn ’e mergel krûpt mei sletten blinen

dêr’t de Skelde op en del de kaai smart mei liem dêr’t it

wetter de boaten nei de see fart en it kafee oan de rivier

Stelle Artois tapet België bestiet net seistû

midden yn in wûnder each yn each mei fan Gogh

in tsjoen fan kleur meldij en toan dûnse skjintme

en trageedzje stiestû kein en klear yn triennen

zoveel schoonheid ik begin spontaan te wenen

dizze frou mei har reade hierbân

dy’t stegeret en wegeret apel en slang

dochter fan Zeus suster fan Apollo

sûnder ein hieltyd op nij harken wy nei Jeff Buckley syn

halleluja leafde is in brutsen psalmgesang Cohen fûn dizze

ferzje better as syn eigen lústerestû my yn it ear

sinneljocht foel op ’e flier de wyn ferweegde it gerdyn

oan de loft boppe de stêd slûpten karkes fan de achtbaan

de kat yn de hoannebalken de lette jûn op it fiadukt spegele

finsters flats rikjende pipen reuzerêd en billboard neonljocht

read en oranje yn rûge halen streke de iere moarn de sinne

it paad nei hûs klettere stiel oer grindstiennen fierder

in net te foarsizzen skyline lies myn hân bruts in glêzen bol

lûd jammeren de rails achter read wyt read wachte in rige autoos

dû diest it gerdyn iepen ik seach it wetter yn it

putsje fan de douche draaien in besleine spegel

de neakene kjeld fan it finster op in kier

oan de kimen ferskode de foet fan de reinbôge

flarden lûd de dingen dystû seist asem eagen

de brêge krúste in wetter ik tocht oan Wolf River Harbor

“and an eye witness to prove that is was an accidental drowning”

Mear fan Jaap Veenstra

Tút fan Judas Politike Haiku II
In kantate foar de dea En oare deaden
Twa gedichten Ut it skift ‘By de iisberch del’