name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

‘Dan koe se in man út it plak keare’

Moraal, polityk en emansipaasje by Haitskemoai

Abe de Vries - Fers2 nû. 5.4, 24 febrewaris 2019

 

image waling dykstra syn alter-ego haitskemoai

 

 

Een niet-geïnterpreteerde tekst uit het verleden is als een onuitgepakt cadeau.

Marita Mathijsen 

 

 

Tusken de memorabele frouljusfigueren yn de literatuer yn Nederlân soe ek maklik de Fryske Haitskemoai fan Waling Dykstra stean kinne. As foarbyld fan emansipaasje ferskynt yn de Fryske literatuer al yn it midden fan de njoggentjinde ieu, tweintich jier foar it begjin fan de Earste Feministyske Weach, in maatskiplik ûnôfhinklike en sels tinkende en hanneljende frouljusfiguer op it toaniel. Dat is Haitskemoai, Haitske Klaversma sa’t se folút hjit.

Haitskemoai is sûnder mis ien fan de nijsgjirrichste karakters yn it wurk fan Dykstra. Tusken 1855 en 1878 hat er oan har wederwaardichheden en prakkesaasjes fjouwer lange, al of net ynlate en yn boekfoarm publisearre gedichten wijd, plus in publikaasje mei gearspraken fan har bern, en dan noch twa ‘brieven’ yn de twamoanlikse De Fryske Húsfreon en ien yn it wykblêd De Frysce Nysbode (sjoch de taheakke literatuerlist). Hy hat fan har sels de sintrale figuer fan in literêre famylje makke. Haitskemoai is widdofrou, har man is om 1835 hinne weirekke, en se krijt gauris oanrin. Boer Seakeleboer is har muoikesizzer, mei wa’t se korrespondearret. Skriuwer Japik Japiks, dy’t ek yn de Húsfreon publisearret, wurdt presintearre as in healbroer fan Haitskemoai.Japik Japiks, ‘De winskhoed fen Fortunatus’, mear ôfl., De Frîske Hûsfrieon 1851-1853. En Eabele Trochnoasker, dy’t yn 1854 Twa tekeningen út it Fryske folkslibben publisearret, is har folle neef.Eabele Trochnoasker, Twa teikeningen ût it frîske folkslibben (D. Meindersma Wz., Liowerd 1854). Unnoadich te sizzen dat dat allegear alter ego’s fan Dykstra binne.

De Haitskemoai-teksten binne te lêzen as sekundêr-orale en op de maatskippij betrutsen, sosjaal-krityske literatuer dy’t kommentaar jout op de eigen tiid en dy’t útnoeget om yn ûnderskate sosjale sitewaasjes (thús, op strjitte, yn kafees, of yn ferieningsferbân) trochjûn te wurden, as fertelling, foardracht en sels as liet. De ûnderskate karakters fan de Haitskemoai-famylje binne te sjen as ferskiningen fan íen skriuwer, dy’t syn kreaasjes brûkt sa’t in poppespiler syn poppen prate en bewege lit foar publyk yn in lyts teater. It werjaan fan harren uterlik, uteringen, manier fan praten, mieningen en aksjes is belangriker as it toanen fan har ynderlik fielen of karakterûntjouwing, al is de tekening fan it karakter sels wol hiel belangryk. Alle Haitskemoai-titels – útsein de brieven – binne dêrby skreaun yn dichtfoarm: yn goed te ûnthâlden, regelmjittich rymjende oktetten mei in fêst metrum. Dat makket dat se har goed foarlêze of foardrage litte en ek dat der maklik meldijen by socht of op makke wurde kinne. It binne foarwearden foar súksesfol Frysk realisme yn it midden fan de njoggentjinde ieu, doe’t mar in bytsje minsken lêze koenen en de orale fertelling in folle belangriker plak yn it deistige libben hie as letter.

Dêrmei is noch neat sein oer wat Haitskemoai en har skepper ynhâldlik nei foarren bringe. Har bydrage leit op it terrein fan de sosjale moraal, wat yn dy tiid meastal neamd waard ‘de Fryske seden’. As majeur personaazje yn de Fryske realistyske literatuer fan de njoggentjinde ieu kin se mei har stribjen nei behâld (en befoarderjen en mei foarmjen) fan winsklike seden beskôge wurde as, sa’t Marita Mathijsen it neamde, in ‘omzetting’ fan in ‘collectieve pre-occupatie van een tijdperk’.M.T.C. Mathijsen-Verkooijen, De mythe terug. Negentiende-eeuwse literatuur als travestie van maatschappelijke conflicten. Oratiereeks (Vossius Pers/ Amsterdam University Press, Amsterdam 2000) 16. Haitskemoai reflektearret mei oare wurden in tematyk dêr’t in protte minsken op ien of oare wize mei yn oanrekking kamen en har by belutsen fielden.

Wat binne dan de spesifike eigenskippen fan de sosjale moraal dy’t Haitskemoai en de Haitskemoai-teksten kommunisearje? It is gjin fiersochte hypotese dat de maatskiplike posysje fan de frou ek meispilet. Om dêr in finger achter te krijen, moat men op syk nei ynformaasje oer noarmen en wearden dy’t yn de tekst as winsklik en te befoarderjen presintearre wurde, ôfset tsjin wat beskreaun wurdt as ôfwikingen, it hâlden en dragen dat men ôfkarre, feroar­dielje en út ’e wei gean moat. Mei in tekstanalytyske oanpak sykje ik nei sokke ynformaasje oer it personaazje fan Haitskemoai, sawol yn de gedichten, yn de libbensbeskriuwing dy’t Dykstra fan har levere, as yn de brieven dy’t se skreau, en meitsje dêr fierder gjin ûnderskied yn.

Haitskemoai is lyts boerinne, yn it begjin is se in jier as sechstich, mei in hokfol al grutte en noch ynwenjende bern. Se bestjoert de húshâlding mar ek it boerebedriuw op in hierd greidpleatske earne ‘oan ’e kant fan Snits’, letter wurdt dúdlik: by Ysbrechtum. Waling Dykstra komt wolris by har op besite en ferdichtet dan wat er heard hat. Se is tûk, warber, sljucht en rjucht mar tinkt wakker nei oer de feroarjende tiden en mores fan de minsken. Berne yn 1795 hat se al hiel wat meimakke, de Frânske besetting bygelyks, dêr’t se sok mâl guod fan spuit.

Dykstra hat wol war dien om fan har wat mear as in striepop te meitsjen. Haitskemoai’s klachten oer de nije moaden begjint er mei in libbensbeskriuwing fan leafst tsien siden. Haitskemoai, skriuwt Dykstra, is wat by ‘ús ieu fan ferljochting’ efterút. Earst skeelde it noch net alles, mar se hat har ‘al geande wei wat sakje litten, út freze dat it har grien en blau foar de eagen wurde soe, as se mei de tiid foarút woe’. Hiel slim is dat oars net,

want hja hat mei it lânsbestjoer neat te rêden; hja kin it mei har gelove skoan ôf; hja buorket net minder as in oar, har bûter kin tsjin de bêste wol út, ôfstekkers kriget se nea. Mogelik wie ’t foar folle oare minsken yn dizze tiid ek lang gjin skea, as se mar wat minder op ’e hichte fan de tiid stiene.Waling Dykstra, Haitskemoai’s klachten oer de nye moden, în rîm brocht mei in libbensskiednis fen Haitskemoai (Telenga, Freantsjer 1855) 3.

Fjouwer punten yn har profyl falle op. Ferljochting en foarútgong besjocht se mei in skalk each, de nijerwetske moade dy’t har bern der op neihâlde wolle, lintsjes oan de jûpe en ‘Frânske’ hoepelrokken, is foar har net mear as idele pronksucht en ûnferantwurdlik hâlden en dragen, om twa redenen. Earst, om’t it net rekkenet op de komst fan mindere tiden, eat dêr’t se sels ûnderfining mei hat, en de feepest koe fansels altyd wer de kop opstekke, of de lânheare helle it yn ’e holle en ferheegje de hier. Twads om’t it jild dat oer is better oan de earmen en de sosjale need bestege wurde kin as oan pretsjes en hurdriderijen op it iis om jild of prizen, dêr’t ek de drank noch by komt:

En dat wurdt mar fersûpt en dien,
    Ferdûnse, ja fersmiten.
As men betinkt hoe mannichien
    Sit sonder brânje en iten,
Nee siker, dan kin ’t net bestean
Sa mâl mei’t jild te wurk te gean,
    Mei allerhande flinken,
    Mar sûnder nei te tinken.Waling Dykstra, Haitskemoai’s klachten oer de nye moden, în rîm brocht mei in libbensskiednis fen Haitskemoai (Telenga, Freantsjer 1855) 14.

Ek de earmen dy’t de iisbaan feie, hearre wat te krijen, seit se, en it is in skande dat sels har eigen bern besykje om mei ligen en bedragerij oan dy plicht ûnderút te kommen. Sy nimt it tige foar sokke earmen op en fiteret oan ta help: ‘O, jimme, dy’t sa wyld en rom / Mei ’t jild omsmite kinne: / Smyt dêr dan ek wat hinne!’ Werklike hope dat it mei de minsken goed komme sil, hat se oars ek wer net, want it minskdom is no ienris fûl bedoarn, mar dat is oan de oare kant gjin reden om jins sosjale plichten net nei te kommen. En ek de âlderein, seit har sosjale krityk, mei wolris wat mear omtinken krije:

Tink ek om my! Ik wurd sa âld;
    Ik kin my net mear reppe;
Ik kin, – is ’t fan belang wat kâld,
    My net mear warem skreppe.
En ’k skypje der meastentiids wat fan,
Troch dat ’k sa’n bytsje fele kin;
    ’k Bin dalik skjin ferklomme;
    ’k Doar fan de stove net komme.Waling Dykstra, Petear fen Haitskemoai’s bern în de winter fen 1857 (Telenga, Freantsjer 1857).

Haitskemoai’s tredde en al gau meast yn it each rinnende eigenskip is dat se safolle mânsk is, as minske en yn it bysûnder ek as frou. Net allinnich dat se in boerepleats runt, sûnder man, en dat har bûter tsjin de bêste út kin; se rûn der al út doe’t se jong wie. Se hie in rjuchtsinnige opfieding krigen en koe goed leare, seit de ‘Libbensskiednis’. Se koe in boel rimen dy’t se út santjinde-ieuske kristlike deugdlearboekjes opdien hie út de holle opsizze. Yn har jonge jierren wie se in foars frommes en in ‘rjuchte muorrebrekker’ yn alles dat meast mei manlju assosjearre wurdt; se koe ‘boatsjefarre, karremenne en sleatsjeljeppe as in keardel’; hurdride koe se as de bêste, lykas aaisykje, en net te ferjitten, wurkje op it lân: ‘en foaral simmers yn de ûngetiid wie hja wat mânsk, dan koe se in man út it plak keare’.Waling Dykstra, Petear fen Haitskemoai’s bern în de winter fen 1857 (Telenga, Freantsjer 1857) 5-6.

Trochleare hie der lykwols net by west, dêr wie it thús te krap foar, mar noch altyd mei se jûns as it deistich wurk oan kant is en it hûs yn rêst, o sa graach ris efkes wat lêze. Fan sifers hat se ek ferstân: se moat wakker rekkenje, want der is gjin ein oan wat de bern wol net hawwe wolle:

Dy is oan nije redens ta,
    Dy oan in pelterine;
Dy moat wat moaier wanten ha;
    Elk wit wat út te finen.
Dy het gjin winterpet nei ’t sin.
In oaren binn’ syn skuon te min;
    It is troch alles hinne
    Wat hja net nedich binne.Waling Dykstra, Petear fen Haitskemoai’s bern în de winter fen 1857 (Telenga, Freantsjer 1857) 13.

In fjirde eigenskip, en forte, is dat se net bang is om in steil wurd te sizzen. Se falt soms wolris mei de hiele wâl út mei wat se tinkt oer kwestjes en dat is wol wat in famyljekwaal, skriuwt Dykstra. Yn dat fermidden binne der mear dy’t der gjin doekjes om wine, manlju lykas Japik Japiks en Eabele Trochnoasker. Guon, merkt er ek efkes op, hawwe dêr wol lijen mei krigen, lykas Seakeleboer: ‘Dy hat omtrint al ris yn ’t tsjokwaar sitten, troch dat er de mûle wat tefolle wille jûn hie.’Waling Dykstra, Haitskemoai’s klachten oer de nye moden, în rîm brocht mei in libbensskiednis fen Haitskemoai (Telenga, Freantsjer 1859) 15. (Tusken twa heakken is dat eat dêr’t Dykstra yn de eagen fan de mear rjuchtsinnige befolking fan Spannum om 1850 hinne yn syn publikaasjes ek net frij fan west hie.)

Mar se krijt ek replyk; yn in fers yn De ierdappelkoer fan Hindrik de Jong en Jentsje Sytema komt nei foarren dat Haitskemoai har net sa kritysk tsjin benammen de jeugd oanbemuoie moat, dy moat ommers de romte hawwe om it eigen libben út te sykjen.H. de Jong, J. Sijtema, ‘Tsjinklachte fen Haijtsche Moei’s dochter în ’e winter’, yn: Id., De ierdappelkoer, opfold mei âlde en nye wâldjes (Proost, Leauwerd 1862) 11-18. Yn har twadde brief oan Seakeleboer ferwart Haitskemoai har tsjin de kanttekeningen en bringt se it belang fan in goede opfieding nei foarren.Waling Dykstra, ‘Brief fen Haitskemoai oan Seakeleboer’, De Frîske Hûsfrieun 1862, 49-53.

Se mei dan ‘mei ’t lânsbestjoer neat te rêden hawwe’, neffens de ‘Libbensbeskriuwing’, har geo-politike tinken is helder. By Haitskemoai is Frankryk it lilke bist, dêr wurdt ‘dat frjemde mâle brike’ it earst betocht, de moade dêr’t Fryske boeren har nei klaaie. It ferspillen fan sûnens, tiid en jild oan al dy Frânske ‘mallichheden’ begjint yn de stêden, waait dan oer nei de boeren op it plattelân en bedjert de goede Fryske seden.

As yn 1863 yn Nederlân fierd wurdt dat de Frânsken fyftich jier tebek wer ôfset binne, dan is der ek yn Holwert in feestjûn en wurdt Waling Dykstra frege om in bydrage te leverjen. Foar dy gelegenheid skriuwt er Haitskemoai’s neitinken oer de Frânske tiden, in dichtstik dat er op 17 novimber 1863 op ’e boppeseal fan it Graauwe Paard foardraacht en dat in jier letter by Telenga yn Frjentsjer ferskynt yn boekfoarm.Waling Dykstra, Haitskemoai’s neitinken oer de Frânske tiden (Telenga, Freantsjer 1864). Dit wat brave gelegenheidsbondeltsje is ‘mei fieling fan heechachting en tankberheid’ opdroegen oan de adelike kantonrjochter fan Holwert, mr. Pieter Albert Vincent baron Van Harinxma thoe Slooten, dy’t ‘folle moeite en kosten dien het om op it feest fan de 17 November 1863 te Holwert de wille fan âld en jong te ferheegjen’. Ek no is der in warskôging oangeande de mûlripens fan Haitskemoai, yn de ‘Foarreden’ hjit it: ‘As Haitskemoai nou faek ris útfallen docht dy’t nei in hopen lju har sin hurdernôch oankomme, dan sil elk, hoopje ’k, wol begripe dat dat net al te earnstich opnomd wurde moat’. In wiid útsjoch hat se no ienris net en har oardiel sil dus wolris wat oars útfalle kinne as fan ‘immen dy’t op ’ e hichte fan de skiednis is’.Waling Dykstra, Haitskemoai’s neitinken oer de Frânske tiden (Telenga, Freantsjer 1864) vi. Sy is no ek al hast santich jier âld, moatte wy mar tinke.

Nota bene: de Fryske proto-nasjonalisten Harmen Sytstra en Tiede Dykstra wienen noch mar oardel jier wei, doe’t Dykstra Haitskemoai har waarm pro-Nederlânske betooch ôfstekke liet. De ynkertiering fan Frânske soldaten, de tsjinstplicht, de minne tiid foar hannel en buorkerij, de tiranike amtnerij, fan alles komt foarby. It is dúdlik dat Haitskemoai ek aardich wat, yn kranten of oarsearne, oer it libben fan de ôfgryslike Napoleon lêzen hawwe moat. Se komt dan ek op de Oranjefeesten by it fertrek fan de Frânsken: ‘Wy grypten dalik nije moed, / Dat kin jim maklik tinke. / ’t Oranjelint moast op ’e hoed / En op ’e jakken blinke’, jout se har ferslach fan dy dagen. Tagelyk nasjonalisearret se har publyk yn dat ramt dochs ta in subnasjonale Fryske groep. Dat docht se trije kear troch har ferhaal te ferfetsjen mei ‘Ja, frije Friezen!’, ‘Ja, Fryske fammen!’ en ‘Ei Friezen!’

Fryslân as ûnderdiel fan it Keninkryk ûnder Oranje is Haitskemoai dus bêst. Oars as yn de Frânske tiden hearsket der no wolfeart op it plattelân. It giet har om de publike moraal. Yn har sosjale tinken, basearre op de ferdieling fan de maatskippij yn stannen, taast de Frânske moade it ûnderskied tusken boer en hear en faam en juffer oan en dat hat gjin goede útwurking op de Fryske seden. Merk op dat de striid fan Haitskemoai noch inkeld op it sosjaal-morele flak leit; fan taalferlies ûnder ynfloed fan Hollânske dominânsje yn de Nederlânske steat is gjin sprake. Mei gjin wurd hat se it oer de druk op de Fryske taal en nearne trúnt se oan op it rjocht om Frysk te praten. It Keninkryk wurdt akseptearre as in daam tsjin ‘ferfrânsking’, lês: tsjin de trochsettende yndividuali­searring, de evolúsje fan stân nei klasse, de opkomst fan it him ferspriedende kapitalisme en konsumentisme.

Fjirtjin jier letter, yn 1878, komt Dykstra foar de lêste kear mei Haitskemoai op ’e proppen, no nei oanlieding fan de Grutte Histoaryske Tentoanstelling yn Ljouwert fan it jier tefoarren. No komt de taalstriid wol oan ’e oarder:

De Fryske taal wurdt ek te min.
Dy’t sawat Hollânsk bekje kin,
    Mei dêr wat Frysk trochhinne,
    Moat gau him ’t Frysk ontwenne.Waling Dykstra, Haitskemoai op ’e tentoanstelling fen Frîsce aldheden to Leauwerd, yn 1877 (Telenga, Frjentsjer 1878).

En ek fierderop:

It wurdt ús wolris kwalik nomd,
    Us sels sa foar te lûken,
Wylst men altyd Hollâns grutheid romm’t
    Yn alle skoalleboeken.
Stiet ús dat net allike frij
As har? Of wol men ha, dat wy
    Us âlde taal ferjitte
    En net mear Friezen hjitte?

‘Bliuw, Friezen, jimmer Frysk fan sin!’ ropt Haitskemoai har publyk nei har tachtichste ta. It omtinken foar de taalkwestje past yn it byld dat it Fryske taalbewustwêzen yn de santiger jierren fan de njoggentjinde ieu heger wie as earder wol. Seakeleboer koe har dêr wolris ta oanset ha, teminsten, yn syn twadde brief oan Haitskemoai fan 1861 hat er it wol oer ‘de hele bulte onsuverheden yn de Fryske taal’ dy’t der wol út mochten.Waling Dykstra, ‘Seakeleboer oan Haitskemoai, De Frîske Hûsfrieun 1861, 166.

Mar it taalklimaat is benammen yn de santiger jierren lykop mei it politike klimaat yn beweging, wat ek blykt út de opmars fan it Frysktalich toaniel yn dy tiid en de opbloei fan de Fryske lietkeunst mei Dykstra syn bondel Fryske sang (1874), fjirtich lieten mei noaten, en twa jier letter mei It lieteboek (1876), mear as tachtich lieten mei noaten, in projekt fan it Frysk Selskip. Skriuwers rjochtsje har behalve op de sljochtwei lytse boargerij op ’e doarpen no ek op in kultureel mear bewuste en befoarrjochte middenstân en syn ferieningslibben.

De sosjale moraal dy’t Dykstra fia Haitskemoai oan de lêzers en taharkers kommunisearret, men soe ek sizze kin har wrâldbyld, hat sa’t wy sjoen hawwe ûnderskate aspekten. Haitskemoai leit de klam op noarmen as flyt, in sobere libbensstyl, ynbannigens, sparsumens, en letter dúdliker ek in foaral talige Frysksinnichheid. Pronksucht, sweeslaan, dekorum en fertoan en útlânske gewoanten (‘mallich­heden’) kart se ôf. De belangrykste wearden dy’t sichtber wurde, binne altruïsme (noarm: de earmen en swakkeren helpe), sosjale gelykweardigens (noarm: froulju net as minder beskôgje as manlju; froulju hawwe yn deselde omstannichheden rjucht op deselde wurdearring), betrouberens (noarm: earlik wêze, sljucht en rjucht) en ferantwurdlikens (noarm: rekkenje mei mindere tiden).

Men kin dat noarme- en weardesysteem yn de Haitskemoai-teksten sjen as typysk kalvinistysk, hoewol’t der meast net eksplisyt nei godstsjinst ferwiisd wurdt. Haitskemoai is yn in rjuchtsinnige húshâlding grutbrocht en har bern moatte nei katechisaasje, mar oer religieuze tema’s en learstikken hearre wy har fierder net. Mar in inkelde kear hellet se de bibel der by om har punt te meitsjen, bygelyks yn de earste brief oan har miich Seakeleboer yn Slappeterp oer de sosjale segregaasje yn guon tsjerken dy’t har sa yn ’e wei is:

Oeral is langer in moade fan, fan ’t tsjerkgean ek al; ’t is sa fier hast hinne, dat dy’t in bytsje is dy kin net nei tsjerke gean as er net in fêst plak het. Dat is al wat oars, sis ik wolris, as ’t ús leard wurdt by Jacobus twa fers twa en trije, dat yn in kristlike byienkomste gjin onderskie makke wurde moat tusken minsken en minsken, en dat immen yn moaie klean en mei gouden ringen oan ’e fingers it bêste plak net hoecht te hawwen, en de earme man yn suterige klean net efteroan hoecht te stean.Waling Dykstra, ‘Haitskemoai oan Seakeleboer’, De Frîske Hûsfrieun 1861, 130.

Wat Haitskemoai dêr ferwurdet, past yn de religieuze gelykheid­sideology dy’t de reformaasje brocht, fóar’t er boargerlik ynkapsele waard,Sjoch Lyndal Roper, The holy househould. Woman and morals in Reformation Augsburg (Clarendon Press, Oxford 1991) oer de negative effekten op de posysje fan froulju troch de ferboargerliking fan de Reformaasje. en it past ek goed by it sosjaal-kritysk profyl fan de nije rjuchtsinnichheid dy’t de Ofskieding fan 1834 brocht. Sa’t Luther learde, binne alle leauwigen foar de Heare lykweardich – ek froulju kinne de bibel lêze en útlizze neffens Luthers ‘prysterskip fan alle leauwigen’.Jan Kas, ‘Reformatie veranderde positie van de vrouw. Prof. dr. Heleen Zorgdrager over 500 jaar protestantisme en vrouwen’, webside Protestantse Kerk (23 febrewaris 2017). Webadres: http://live.protestantsekerk.nl/nieuws/reformatie-veranderde-positie-van-de-vrouw. Krigen 17 febrewaris 2019. Haitskemoai’s frijmoedigens om sosjale krityk nei foarren te bringen hat dêr faaks ek mei te krijen.

De progressive politike en sosjale ymplikaasjes op it mêd fan de posysje fan froulju wurde net útskreaun, mar binne likegoed dúdlik. As in frou likefolle út ’e wei sette kin as in man, en likefolle ferantwurdlikens drage kin as in man – saken dy’t Dykstra beklammet – dan moat se ek likefolle te sizzen krije as in man yn saken dy’t har oangean en dêr’t se oan meibetellet. It is de tiid fan politike easken noch lang net – de earste frou dy’t yn Fryslân publyklik oanstiet op gelyk rjocht foar man en frou is yn 1870 de Ljouwerter notarisfrou Geesje FeddesGeesje Feddes (1831-1882) skreau yn 1870 in brosjuere oer de ûngelikense rjochtsposysje fan troude froulju (Eene vrouw, Gelijk recht voor allen!, Leeuwarden 1870) en jildt as ien fan de earste Nederlânske feministes. Se wie troud mei notaris Christiaan Houdijn Beekhuis (1814-1885). De gemeentesiktaris fan Ferwerderadeel Jan Hendrik Heijmans (1813-1874) – de heit fan de lettere heechlearaar psychology yn Grins Gerard Heymans (1857-1930) – wie har omke. – mar Haitskemoai liket it spoar alfêst te lizzen. As har dochter Saepke trouwe sil, dan stiet de oansteande skoanfamylje derop oan dat Haitskemoai meibetelje sil oan de útrissing fan de nije buorkerij dêr’t it jonge pear hinne moat. Dat is har bêst, mar dan sil der ek nei har harke wurde moatte, skriuwt se oan Seakeleboer:

Nou, Seakele, sa’n hele buorkerij út te rissen, dat hâldt wat yn, dat witsto ek wol. Der moat foarskot en taksaasjejild betelle wurde, der moat fee kocht wurde, der moat húsrie en der moat ark wêze. En as ’t dan allegearre út de brede fjirtjin gean sil, lykas de jongelju ’t leafst ha, dan is hûndert gûne allike folle as in bean yn de broutsjettel: mar as ik alles betelje moat, dan sil ik it ek in bytsje mei witte.Waling Dykstra, ‘Brief oan Seakeleboer’, De Frîske Hûsfrieun 1861, 129.

Waling Dykstra nimt yn Haitskemoai’s literêre bydrage oan it behâld fan de ‘Fryske seden’ neist in konservatyf útdruklik ek in progressyf aspekt mei. Dat is de troch har ferbylde emansipaasje fan de frou. Se is dêrby wol it meast útwurke, mar net it iennichste foarbyld fan de assosjaasje fan froulju mei slachfeardigens, ûnôfhinklikens, in krityske ynstelling en libbenswiisheid yn it oeuvre fan Dykstra. Earder al hie er yn it grutte gedicht ‘De stiennen ûlebuorden’ (1852) de boerinne as rêder presintearre: as de frou dy’t mei har koel en helder ynsjoch yn de dingen it snoade plan fan de duvelske bankier trochsjocht dy’t it op de pleats fan har en har folle swakkere man foarsjoen hat.Waling Dykstra, ‘De stiennen ûlebuorden’, De Frîske Hûsfrjeon 1852. Yn it fers ‘De hûswet’ (1850) hie er al de klam lein op de prinsipjele gelykweardigens fan man en frou yn it houlik:

It komt net ien fan beiden ta
    Foar master op te slaan.
’t Bestjoer, dat moat ’n tredden ha,
    Sil ’t houlik wille jaan.
En freget immen wa’t dat is?
Dat is de Leafde. – Bin ik mis? –
Lei dy by alle pearen thús,
Yn mannich hûs wie lytser krús.Waling Dykstra, ‘De hûswet’, yn: Id., It heamiel by Gealeboer. Teltsjes yn rym en onrym (W.J. Bruining Kz., Frjentsjer 1850) 16-20.

Mei dat propagearre liberale froubyld wie Dykstra yn de fyftiger jierren fan de njoggentjinde ieu syn tiid foarút, sa’t it liket ek wat de Nederlânske literatuer oanbelanget. Yn har ûndersyk nei it froubyld yn de Nederlânske literatuer fan de njoggentjinde ieu seach Francien Petiet nei 1848 just achterútgong en langstme nei oarder, rêst en oersichtlikheid by de sekseferhâldingen. ‘Net als aan het begin van de negentiende eeuw wordt het gezin weer de hoeksteen van de samenleving. Hiermee gepaard gaande, is de terugplaatsing van de vrouw naar het huiselijk domein’; de frou mei bûtenshûs heechstens wat frijwilligerswurk dwaan.Francien Petiet, ‘Een onbeduidend wezen? De vrouw in de negentiende-eeuwse Nederlandse literatuur’, Vooys 21 (2003) 155-162, 158.

Fan feminisme yn moderne sin is by Haitskemoai fansels noch gjin sprake. Se is dúdlik ‘mem’ en dêrmei ferfollet se in tradisjonele froulike rol, in taak dêr’t se net tsjin yn opstân komt en ek net kritysk ûnderfreget of ûnderwei besiket te kommen. Har krityk op de kontemporêne man-frou-ferhâldingen bliuwt ymplisyt. Mar se is ek net it klisjee fan ‘moeder de vrouw’ (it tema fan de Boekenweek 2019). Har eigenskippen wurde foar in part yn opposysje ta dy fan ‘de man’ tekene mar ek brocht as autonome kwaliteiten. Se hat net frijwillich foar har selstannigens keazen en is dêrta twongen, mar dat docht neat ôf oan it emansipatware sinjaal dat se har better rêde kin as mannich man-boer – en dat is opmerklik yn in agrarysk-ekonomyske wrâld dy’t yn de fyftiger en sechstiger jierren fan de njoggentjinde ieu bûtenshûs noch suver folslein in mannewrâld wie.

Dêrneist beheint har tinken him net ta húshâlding en bedriuw. It beslacht in bredere wrâld, it bringt in krityske sosjale moraal yn stelling, it ynterpretearret de heitelânske skiednis en it is net benaud him yn boekfoarm te oppenearjen. Sok tinken kaam men miskien wolris faker tsjin op it plattelân yn it midden fan de njoggentjinde ieu – mar, dat is hjir it punt, amper yn de Fryske literatuer. Ferlykbere figueren binne de mûlripe Nynkmoi en Saskmoai fan Harmen Sytstra, dy’t weromgean op Sytstra syn beppe Antje Klazes Wierda. Mar dy komme yn folle koarter bestek oan it wurd yn in gedicht en in ferhaal en wurde lang sa net útdjippe.Sjoch Abe de Vries, ‘Om de seine fan de skiene goadinne. Tema’s en motiven yn de earste jiergong fan Iduna’, Fers2 1-17 (3 oktober 2015). Webadres: http://fers2.eu/20151003-om-de-seine-fan-de-skiene-goadinne/. Krigen 21 febrewaris 2019. Emansipatware noarmen en wearden fynt men ek werom yn Dykstra syn lieten, foaral op it mêd fan frijerij en houlikskar.Abe de Vries, ‘Konstruksje fan sosjale identiteit yn it Fryske realisme. It betide wurk fan Waling Dykstra (1848-1860)’, Fers2 4-9 (6 maaie 2018). Webadres: http://fers2.eu/konstruksje-fan-sosjale-identiteit-yn-it-fryske-realisme-waling-dykstra/. Krigen 21 febrewaris 2019.

Ta beslút: hat Dykstra syn eigen mem foar eagen hân doe’t er oan Haitskemoai tocht? Dat er alter ego’s kreëarre dy’t fiktyf oan har besibbe binne, soe dêr op wize kinne. Syn mem wie Antje Keimpes Koopmans (1791-1859), dochter fan feedokter Keimpe Jeltes út Sint Anne mei foarteam dat tebek giet op Ingelum, de Grovestins en de oait dêr by hearrende pleats ‘De stiennen ûlebuorden’.Sjoch Abe de Vries, ‘Neo-folk as krityk op it kapitalisme. “De stiennen ûlebuorden” fan Waling Dykstra’, Fers2 3-19 (26 novimber 2017). Webadres: http://fers2.eu/neo-folk-as-krityk-op-it-kapitalisme/. Krigen 17 febrewaris 2019. Lykas Haitskemoai wie Antje Keimpes noch krekt yn de achttjinde ieu berne. Lykas Haitskemoai wie se by de rjuchte leare opbrocht. Lykas Haitskemoai ferlear se har man, Waling syn heit, yn de tritiger jierren. Lykas Haitskemoai moast sy mei in hokfol bern allinnich noed stean foar húshâlding en bedriuw, de bakkerij yn Spannum. En lykas Haitskemoai moat sy hiel wat te stellen hân ha mei har bern, yn it bysûnder mei har op ien nei âldste bern – de skriuwer dy’t it doarp tsjin him yn it harnas jage en sadwaande it bakkersbedriuw skea die.Sjoch Abe de Vries, ‘De betsjoende boeredochter. Skriuwer en mienskip yn it Spannum fan Waling Dykstra’, Fers2 3-9 (7 maaie 2017). Webadres: http://fers2.eu/de-betsjoende-boeredochter/. Krigen 17 febrewaris 2019.

Doe’t Waling Dykstra en syn twadde frou Aafke de Boer yn 1855 fan Spannum nei Frjentsjer ferhuzen, kaam Antje Keimpes by harren yn te wenjen. Dêr is se op 27 febrewaris 1859 op 67-jierrige leeftyd ferstoarn. In pear moanne letter ferskynde Haitskemoai’s klachten oer de nije moaden by Telenga.

 

Literatuer

Dykstra, W. (1855). Haitskemoai’s klachten în de winter fen 1855. Freantsjer: Ippius Fockens.

--- (1857). Petear fen Haitskemoai’s bern în de winter fen 1857. Freantsjer: Telenga.

--- (1859). Haitskemoai’s klachten oer de nye moden. Freantsjer: Telenga.

--- (1861) ‘Briefwixel twisken Seakeleboer en Haitskemoai’. Yn: De Frîske Hûsfrieun 1861, 116-131.

--- (1862) ‘Haitskemoai oan Seakeleboer’. Yn: De Frîske Hûsfrieun 1862, 49-53.

--- (1864). Haitskemoai’s neitinken oer de Frânske tiden. Freantsjer: Telenga.

--- (1865). ‘Brief fen Haitskemoai oan Seakeleboer’. Yn: De Frîske Nysbode 2 (7 jannewaris).

--- (1878). Haitskemoai op ’e tentoanstelling fen Frysce aldheden to Leauwerd, yn 1877. Frentsjer: Telenga.

Mathijsen-Verkooijen, M.T.C. (2000). De mythe terug. Negentiende-eeuwse literatuur als travestie van maatschappelijke conflicten. Oratiereeks. Amsterdam: Vossius Pers / Amsterdam University Press.

Jong, H. de, J. Sijtema (1862). De ierdappelkoer, opfold mei âlde en nye wâldjes. Leauwerd: Proost

Petiet, F. (2003). ‘Een onbeduidend wezen? De vrouw in de negentiende-eeuwse Nederlandse literatuur’. Vooys 21, 155-162.

Roper, L. (1991). The holy househould. Woman and morals in Reformation Augsburg. Oxford: Clarendon Press.

Vries, A. de (2017) ‘De betsjoende boeredochter. Skriuwer en mienskip yn it Spannum fan Waling Dykstra’, Fers2 3-9 (7 maaie 2017). Webadres: http://fers2.eu/de-betsjoende-boeredochter/. Krigen 17 febrewaris 2019.

--- (2018) ‘Konstruksje fan sosjale identiteit yn it Fryske realisme. It betide wurk fan Waling Dykstra (1848-1860)’, Fers2 4-9 (6 maaie 2018). Webadres: http://fers2.eu/konstruksje-fan-sosjale-identiteit-yn-it-fryske-realisme-waling-dykstra/. Krigen 21 febrewaris 2019.

--- (2017) ‘Neo-folk as krityk op it kapitalisme. “De stiennen ûlebuorden” fan Waling Dykstra’, Fers2 3-19 (26 novimber 2017). Webadres: http://fers2.eu/neo-folk-as-krityk-op-it-kapitalisme/. Krigen 17 febrewaris 2019.

--- ‘Om de seine fan de skiene goadinne. Tema’s en motiven yn de earste jiergong fan Iduna’, Fers2 1-17 (3 oktober 2015). Webadres: http://fers2.eu/20151003-om-de-seine-fan-de-skiene-goadinne/. Krigen 21 febrewaris 2019.