name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Dan wer koekút, dan wer nachtegeal

Untliening yn de lieten fan Waling Dykstra

Abe de Vries - Fers2 nû. 5.3, 10 febrewaris 2019

 

image waling dykstra ûntlieningen út net-nederlânske lieten

 

 

Literatuer, as estetysk oardere tekst, omfiemet neist de sjenres poëzij en proaza, mei alle sub- en mingfoarmen dy’t dêrby hearre, ek it liet. Likegoed hinget it sjenre fan it liet der yn de literatuerhânboeken tsjintwurdich mar wat by. Oan de fiif lietebondels fan Waling Dykstra, de belangrykste skriuwer fan Fryske lieten yn de njoggentjinde ieu, besteget Zolang de wind van de wolken waait (2006) noch mar in pear rigels:

kwam in de tweede helft van de negentiende eeuw iedere tien jaar met een nieuwe zangbundel. De bekendste is Doaitse mei de Noardsce balke (‘Doaitse met de Noordse balk’), een boek dat snel achter elkaar vier drukken beleefde.

Fierdere ynformaasje like oerstallich, of eksoatysk, of net ta de saak; de suggestje is dat wy alles al fan it ûnderwerp witte – en dat it ús úteinlik net hiel nijsgjirrich liket. It Fryske liet yn de njoggentjinde ieu is lykwols noch net folle stúdzje nei dien, en dêr komt by dat de belangrykste publikaasjes komme fan musikologen – nammentlik De Jong, Schippers en Lambooij – en in folkskundige – Van der Molen – mar net fan ûndersikers mei literêre of literatuer-histoaryske fragen. Yn dit artikel wol ik neigean oft tekstanalytysk en -histoarysk ûndersyk fan Dykstra syn lietteksten nije perspektiven opsmite kin.

It tradisjonele byld fan Dykstra as lieteskriuwer is dat er oanknope by gongbere Nederlânsktalige lietteksten, om krekt te wêzen by strjitte- en libbenslieten en ferskes fan it Nut, mei it doel om mear Frysk op strjitte te krijen en de jongerein foar it sjongen yn de Fryske taal te winnen. Neffens dy fisy binne Dykstra syn lieten belangryk foar de Fryske taalstriid, mar minder foar de literatuer. Eeltsje Halbertsma soe it just hegerop socht hawwe, by de ‘Europeeske’ poëzij fan Dútske dichters as Matthias Claudius, Johann Grübel, Johann Hebel en Ludwig Hölty. Halbertsma makke foar syn ‘kontrafakten’ – i.e. teksten skreaun op besteande meldijen – gauris gebrûk fan oan Dútsktalige teksten ûntliende tema’s, hannelingen en motiven. Dy lietynhâlden soe Halbertsma safolle mooglik ‘ferfryske’ hawwe, dat wol sizze, werkenber makke foar in Frysk publyk dat him de lieten ta-eigenje koe. De tolve lietteksten fan de Halbertsma’s dy’t mei muzyk derby – meast Dútse folkswizen – it ljocht seagen yn De lapekoer-útjeften fan 1829 en 1834 waarden yn de rin fan de tiid as Frysk folkseigen besjoen.

Yn Us Wurk hawwe Hoekema, Buma en Visser oer de tekstuele achtergrûn fan guon lieten fan Halbertsma skreaun. Yn It Beaken hat Miedema him bûgd oer lietewurk fan L.C. Murray Bakker. Mar de lieten fan Waling Dykstra hawwe oan no ta gjin wittenskiplik omtinken krigen. In ynventarisaasje en analyse fan eleminten fan literêre ûntliening yn Dykstra syn lieten bestiet net. Schippers jout in lyts tal losse foarbylden dêr’t út blykt dat ek Dykstra kontrafakten skreau, mar analysearret gjin literêre ferbannen. Dy ferbannen lykwols smite ljocht op doelen en stratezjyen fan de Fryske taal- en kultueremansipaasje, de nasjonale of ynternasjonale achtergrûn fan Fryske njoggentjinde-ieuske lietteksten en op de transmigraasje fan foarmen, tema’s en motiven. Mooglik sil ús dat wat fertelle kinne, net inkeld oer de ‘slettenens’ of ‘iepenens’ fan de Fryske literatuer yn it midden fan de njoggentjinde ieu, mar ek oer de fraach nei kontinuïteit en fernijing yn dy literatuer.

Yn it neifolgjende gean ik nei hokker fan de al mei al 137 lietteksten yn fiif bondels fan Dykstra ien of mear eleminten fan ûntliening ynhawwe, en wat dan it boarneliet of -gedicht is. Untliening yn lietteksten kin ûnderskate foarmen oannimme en omfettet folle mear as inkeld ‘ferfrysking’. Untliening rint fan oarmans nei eigen skepping: fan oersetting, fia bewurking, oant jin op in idee foar foarm en ynhâld bringe litte. In rûge typology fan liettekstûntliening, distilearre út de ynternasjonale literatuer oangeande kontrafaktuer, ûnderskiedt strukturele/formele ûntliening (it oernimmen fan bygelyks rymskema, dialoochfoarm, strofe- en refreinbou) en ynhâldlike ûntliening (lykas oersetten, neifolging, yntertekstualiteit yn de foarm fan ‘sitearjen’ fan begjinrigels, frije oanfolling, of ‘ynspiraasje’, dus beynfloeding fan it nije liet troch it tema, motyf of de ‘mood’ fan it boarneliet).

Myn hypoteses binne, earst, dat Dykstra ek wurke mei ûntliening oan Dútstalige (en Ingelsktalige) lietteksten en gedichten, en twad, dat it type ûntliening ôfhinklik is fan werkenbere, dus breed oansprekkende ‘imagery’ mar benammen fan it doel fan maklike, ynformele oerdraachberens yn ûnderskate sosjale fermiddens. De oanpak bestiet út ferlykjend tekstûndersyk. Sjoen is ek nei de taal dêr’t de boarneteksten út komme, de tiid dat de boarnen beskikber kamen ien it type ûntliening, hjir beheind ta oersetting, neifolging (frije bewurking) en ynspiraasje (oanlieding, of ‘Anstoss’, sa’t Brouwer it neamt).

In folslein oersjoch jaan fan ûntlieningen yn it korpus is lykwols net mooglik. Lang net altyd kin men ûntliening oanwize, bygelyks om’t it giet om in letter weiwurden tekst, om’t jo in ferbân net op it spoar kaam binne of domwei om’t der gjin ûntliening yn it spul is. Ek kin men net altyd fêststelle oft in ûntliende Fryske tekst weromgiet op in Nederlânske fariant fan in oantroffen bûtenlansk foarbyld ynstee fan op dy bûtenlânske boarne sels. Ik jou earst in koart oersjoch fan de Fryske lieteskriuwerij yn de njoggentjinde ieu en gean dan oer op myn eigentlike ûnderwerp.

De Fryske lieteskriuwerij yn de njoggentjinde ieu stiet, yn alle gefallen fan de earste Lapekoer (1822) ôf, yn it teken fan wat Achim von Arnim en Clemens Brentano, de earste systematyske Dútske folkslietesamlers, al ferwurden yn 1805: ‘Die Besinnung auf das gemeinsame Erbe der Vorzeit sollte den deutschen Stämmen ihre kulturelle Einheit bewusst machen und die nationale Opposition gegen Napoleon stärken’. Yn dat romantysk-nasjonalistyske ramt kaam Des Knaben Wunderhorn. Alte Deutsche Lieder ta stân, dat de oanset joech ta yntinsive belangstelling yn Dútslân foar folkslieten en -gedichten. Yn de trije desennia dêrnei folgen yn Dútslân ûnder mear de samlingen fan Anton von Zuccalmaglio en August Kretzschmer (Deutsche Volkslieder mit ihren Originalweisen) en Ludwig Erk en Franz Böhme (Deutschen Liederhort). Populêr ûnder de hegere boargerij – foar it gewoane folk wiene de boeken al gau te djoer – wiene hannelsútjeften lykas fan August Langbein (Deutscher Liederkranz, 1820) en samlingen foar skoallen lykas fan Ludwig Erk (û.m. Singvögelein, 1842).

Dat Dútske romantysk nasjonalisme slacht ek yn Fryslân oan, earst by de Halbertsma’s en letter ek by Dykstra. It is de Fryske taalstriid dy’t dêrby foarop stiet. ‘Alde’ Fryske lieten wienen der suver net, op in pear fan Gysbert Japiks nei. Nije Fryske lieten waarden skreaun om de Nederlânske te ferdriuwen en om de nei 1850 begjinnende toaniel- en sjongferieningen yn de provinsje fan materiaal yn de eigen taal te foarsjen. Meldijen waarden earne oars weihelle, want komponisten wiene net samar foarhannen. En ek tekstueel wie der faak sprake fan ûntliening oan Nederlânske of útlânske foarbyldteksten.

Foar wat de bondels fan Waling Dykstra oanbelanget, kom ik op tsien lieten mei in Nederlansktalige boarnetekst en op tweintich lieten mei in Dútske (en ien Ingelske) boarnetekst (sjoch Bylage A). Fiif fan de tsien ûntlieningen út it Nederlânsktalige lietekorpus hawwe in bekende boarne, nammentlik Bredero (1585-1618), Staring (1767-1840), Heije (1809-1876), Van Ryswyck (1811-1849) en De Laet (1815-1891). De oare fiif litte ûntliening sjen oan anonime Nederlânske tekstskriuwers of oan de folksmûle, mei boarneteksten oantroffen yn ferskate populêre lietebondels útjûn tusken it ein fan de achttjinde en it midden fan de njoggentjinde ieu, lykas Feest-Vreugde, of uitgezochte verzameling van meer dan 100 nieuwe Gezelschap-liederen.

By de tweintich teksten mei in net-Nederlânsktalige en net-Frysktalige achtergrûn binne mar trije anonym, út kontemporêne Dútske lietebondels. By de oare santjin is de boarnetekst oan in auteur ta te skriuwen, mei as bekendste nammen Johann Wolfgang von Goethe, Ludwig Christoph Heinrich Hölty en August Heinrich Hoffmann von Fallersleben; opmerklik is dat it allegearre achttjinde-ieuwers binne, op Hoffmann nei. Fiif fan de Dútske boarneteksten binne oan te treffen yn de populêre Deutscher Liederkranz út 1820, in hast fiifhûndert siden tellend standertwurk.

Dykstra ûntlient yn ’e rin fan ’e tiid hieltyd mear oan net-Nederlânsktalige en net-Frysktalige boarnelieten, mei in dúdlik pyk yn de bondel Fryske sang (sjoch Tabel 1).

 

Tabel 1. Tal ûntlieningen yn bondels

Bondel Jier NL-talich Net NL/FY-talich Tal oarsp. sankjes
Doaitse 1e pr. 1848 1 1 14
Doaitse 2e útwr. pr. 1850 1 2 20
Doaitse 3e útwr. pr. 1853 4 1 28
Boeresjonger 1857 0 2 19
Mink mei ’t oargel 1860 4 2 22
Fryske sang 1874 0 9 38
Boeresjonger 3e pr. 1876 0 1 23
Rom om ’t hert 1889 0 2 26

 

As wy dan nei it soart ûntliening sjogge, dan giet it by de oanwiisde tsien lietteksten mei in Nederlânske boarnetekst fiif kear om in oersetting, twa kear om neifolging en trije kear om ynspiraasje. By de tweintich lietteksten mei ûntliening oan in net-Nederlânsktalige en net-Frysktalige tekst giet it acht kear om in oersetting, seis kear om neifolging en seis kear om ynspiraasje. By njoggen fan de yn totaal tritich oanwiisde lietteksten mei ûntliening giet it dus om teksten dy’t ‘ynspirearre’, dat wol sizze, útsein it ûntliende ‘idee’ mei folslein frije kreativiteit skreaun binne. Sokke komposysjes kinne as it meast ‘eigen’ foar de skriuwer beskôge wurde. It ferneamde ‘Simmermoarn-sankje’ heart dêr ek by:

Wat bisto leaflik, rizende simmermoarn!
’t Opgeande sintsje laket my oan.
’t Hoantsje kraait: kukelu!
’t Doke ropt: rûkûkû!
Ik wol ek sjonge
Fleurich fan toan.

It ûntlient syn metrysk skema en it motyf fan it kraaiend hoantsje mooglik oan it ‘Morgenlied’ fan Jan Pieter Heije:

Kinderkens! ’t Is uchtend! Komt ter slaapstee uit!
Hoort! De vog’len zingen Rees met zoet geluid!
’t Haantje roept u wakker,
Hoort! Hij kraait uw’ naam;
En de boomtak tikt u
Tegen ’t vensterraam.

Mar Dykstra ferleit it omtinken fan de moarnske binnenwrâld fan in húsgesin nei de freugde dy’t in ik-persoan belibbet as er moarns ierebetiid op’en paad is en hiel de natuer wekker wurdt. Men moat dan ek tinke oan it fers ‘Auf der Wanderung’ út Gedichte (1827) fan Hoffmann von Fallersleben (sjoch Bylage B):

Uber die Hügel und über die Berge hin
Ging ich und ruf’ ich, wie glücklich ich bin.
Sonniges Wetter,
Rauschende Blätter,
Vögelgeschnetter,
Wonnige Luft!

De Kinderlieder fan Hoffmann von Fallersleben binne ek net fier fuort; ‘Der Kuckucks Ruf’ út 1864 koe sels wolris nei oanlieding fan it ‘Simmermoarn-sankje’ skreaun wêze (sjoch Bylage B). De koekoek ropt ‘ku ku, ku ku, ku ku’ en ek hjir komt de opsomming fan bistelûden, dy’t sa karakteristyk is foar it fers fan Dykstra:

Die Vögel sie singen,
Die Hirsche sie springen,
Die Täubchen sie girren,
Die Enten sie schnattern,
Die Käfer sie schwirren,
Die Falter sie flattern

en lykas by Dykstra (‘Alles is fleurich, / Ik bin it mei’) komt ek hjir de draai nei de sprekker: ‘Wir wollen auch singen / Und tanzen und springen’.

‘Minneklachte’ driuwt de spot mei de romantyk fan Jan Jansz Starters ‘Minneklacht’ út Friesche Lust-hof; dat hat itselde tema en rint ek út op suïside troch de kleier. Spot mei de empfindsame romantyk lit Dykstra ek sjen yn ‘Ealses klachte’, dat ynheakket op it tema en de lêste twa rigels fan it anonime fers ‘Augentrost’ út de samling Deutsche Volkslieder fan Karl Simrock. De kandidaat-minner dy’t o sa op in faam ynpraat mar oan ’e ein nofteren konstatearje moat: ‘Nach hause muss ich gehen’, dy seit by Dykstra:

Mar as Maaike jitte langer
Wille fynt yn myn gesanger,
En my op ’e tochte hâldt;
’k Wol dan ek fergees net lije:
’k Sil myn duffels jaske krije,
Want it stiet hjir stomme kâld.

Yn 1853, in jier nei de dea fan syn frou en soantsje, dichtet er nei oanlieding fan Hölty’s ‘Elegie auf eine Nachtigall’ syn ‘It kleiend nachtegealtsje oer de dea fan har mantsje’. Behalve yn de tredde printinge fan Doaitse mei de Noardske balke hat er it ek publisearre yn De Fryske Húsfreon. Lykas yn de ‘Elegie’ wurdt yn ‘It kleiend nachtegealtsje’ de klachte oer de dea fan it fûgeltsje kombinearre mei oantinkens oan syn swiete sang, mar dêr’t it by Hölty útdraait op in moai oantinken fan in fertellend minske, is der by Dykstra moard, opstannigens en in beskuldigjen by in treurjend fûgeltsje. De dramatyske iepening warskôget ús al:

Och suster, dy’t op twigen
Omroeiket fol fan nocht,
En boartsjend mei dyn leafste
Fan tûke op tûke fljocht:
Hark hoe ’t my is fergongen

Yn ‘An die Landleute’ fan Langbein komme tema en in twatal motiven oerien mei beide fersen dy’t by Dykstra ‘De boerestân’ hjitte, ien út Doaitse mei de Noardske balke en ien út Fryske sang. Op Langbein syn begjinrigels ‘Nur Thoren verachten den Bauernstand, / Der Weise halt ihn in Ehren!’ jout er yn syn earste fers yn de earste strofe antwurd: ‘Ik wol de boerestân ris romme, / En sjong in fleurich liet har ta; / Want fan de boer moat alles komme, / En fan de boer moat elk it ha’. Yn syn lêste twa rigels seit Langbein oer de boeren: ‘Mehr Ruhm, als dem strahlenden Golde, gebührt / Dem Eisen, das ihr durch die Fluren führt!’ Dêrby heakje dan de earste twa rigels fan de twadde ‘De boerestân’ fan Dykstra oan: ‘Sille wy de man ferjitte, / Dy ’t de ploech troch d’ ekers driuwt?’

In nijsgjirrige neifolging jout it ‘Wolkomstliet fan de boer oan de eibert’, dêr’t eleminten út gedichten fan Hoffmann von Fallersleben en Rau yn meispylje. Rau’s ‘Storchlied’ begjint met it wolkom hjitten fan de fûgel:

Willkommen, Storch!
Sei herzlich mir willkommen!
Hast über Meer und Land
Den weiten Weg genommen,
Und doch das alte Nest erkannt?

‘Bei des Storchs Wiederkehr’ fan Hoffmann von Fallersleben is de klapperjende earrebarre de maitiidbringer:

Ja, du bist nun eingetroffen
Nach so manche Winternacht,
Hast erfüllet unser Hoffen
Und den Frühling mitgebracht.

It fers fan Hoffmann von Fallersleben hat in politike lading yn de oanrin nei 1848 ta en dat is net hielendal oan Dykstra foarbygien. Dy iepenet syn fers sa:

Wês wolkom, foarjiersboade!
Mei prikken yn ’e bek.
Do sikest gjin paleizen,
Mar myn ienfâldich tek.

Dêr’t de Nederlânsktalige ûntlieningen allegear te krijen hawwe mei de leafde tusken feint en faam of man en frou, beslagge de net-Nederlânsktalige ûntlieningen in folle grutter skala oan ûnderwerpen, lykas grutskens op de boerestân, bliidskip oer de komst fan de maityd, lof foar it heitelân, krityk op de eigen tiid, freugde oer freonskip, in goede opfieding.

Waling Dykstra oriïntearre him op sawol Nederlânske as, sa’t wy no sjoen hawwe, ek op Dútske foarbylden. Fan de earste printinge – yn 1848 – fan Doaitse mei de Noardsce balke ôf hat er hieltyd ien of twa lieten mei Dútske ynspiraasjeboarnen yn syn bondels mei tweintich ta tritich sankjes. Yn Fryske sang – 1874 – binne lykwols folle mear ûntlieningen oan Dútse boarnen opnaam, nammentlik njoggen fan de mei-inoar fjirtich sankjes. It materiaal fynt Dykstra yn de Dútske Lieder- en Volkslieder-tradysje, by renomearre Dútske dichters as Goethe, Hölty en Hoffmann von Fallersleben, by in populêre skriuwer as Langbein en fierder by in hiele rige bûten Dútslân ûnbekend bleaune auteurs. Foar Frânske boarneteksten haw ik gjin oanwizingen fûn. Ut it Ingelsk hat er – sa te sjen – inkeld ‘On the banks of Allan Water’ fan de gothic novel-auteur Matthew Lewis oerset, nei it sankje ‘De mûndersdochter’.

Dykstra is yn syn lieteskriuwerij sawol koekút as nachtegeal: sawol oersetter, bewurker as oarspronklik dichter. Fan de 137 lieten út syn fiif bondels binne op syn minst tritich oan te wizen as ûntlieningen. It is, oan de iene kant, goed mooglik dat der mear ûntlieningen boppe wetter komme. Hoewol’t it measteapart fan it wurk dat ik net identifisearje as ûntliening Dykstra syn eigen artistike skepping wêze sil, kinne ûntlieningen fan it frijere, dus minder mei de boarne oerienstimmende type har noch beskûl hâlde yn Dykstra syn wurk. Oan de oare kant mei men net ferjitte dat oarspronklikens in behyplik konsept is yn in orale/post-orale kultuer; literêre wurken binne needsaaklikerwiis beynfloede troch de literêre kontekst en histoarje.

It docht bliken dat de oan Nederlânske teksten ûntliende lieten fan Dykstra benammen hannelje oer de frijerij en it houlik, wylst de oarstalige ûntlieningen mear tema’s sjen litte en ek gaadlik binne om te brûken yn mear sosjale sitewaasjes (yn de omgong mei bern, op skoalle, yn it húslik libben, op it wurk, by in selskip, feriening). Liedend is net sasear it persoanlik ferlet fan de keunstner om him oer in beskate saak te uterjen, mar de winsk om lieten te skriuwen dy’t troch safolle mooglik minsken op safolle mooglik plakken yn safolle mooglik sitewaasje songen wurde soenen. Mei oare wurden, it befoarderjen fan it brûken fan de Fryske taal stiet foarop.

Nijsgjirrich is de dúdlike ‘omslach’ nei mear Dúts ynspirearre tekstmateriaal yn de bondel fan 1874: fan twa fan sokke ûntlieningen yn 1860 nei tsien. De meast foar de hân lizzende ferklearring foar it tanommen ûntlienen oan Dútske lieten is de ambysje binnen it bestjoer fan it Frysk Selskip om de Fryske lietekultuer fierder foarút te helpen troch – ûnder auspisiën fan it Selskip – in nije lietesamling út te jaan en dêrfoar breed út te pakken. De fraach wêrom’t Dútske en bygelyks net Ingelske boarnen oansprutsen waarden, is faaks kultuerpolityk te beneierjen; in antwurd leit yn de populariteit yn hiel Europa fan benammen Dútske folksnarrativen, mearkes, sankjes, ensafuorthinne, mei etnysk-nasjonale doelen. Dizze Dútske liete-oriïntaasje sil yn 1876 liede ta de útjefte fan It lieteboek. Dykstra wie yn 1870 as ‘bysitter’ yn it bestjoer kaam fan it Selskip, dêr’t Jacobus van Loon doe foarsitter fan wie. Van Loon frege yn 1875 stipe oan ‘bekende voorstanders van Friesche taal, zang en volkszin’ foar in Frysk lieteboek en motivearre dat sa:

Bij bijna elke feestelijke gelegenheid in dit gewest blijkt, dat het volk den Frieschen zang bemint, doch tevens, dat de schoonste der Friesche liederen, wat woorden en muzijk betreft, bij velen niet of slechts ten deele bekend zijn. En geen wonder. De muzijk bij de zangen van de Heeren Halbertsma wordt alleen gevonden in den 1e druk der ‘Lapekoer’ die uitverkocht is; de woorden en de muzijk der zangen van anderen zijn in verschillende werkjes verspreid, sommige zijn niet in druk verschenen.

It lieteboek wurdt in Frysk-nasjonaal ûndernimmen; Hingst op it Hearrenfean printet mar leafst 3500 eksimplaren. Fan it projekt is Van Loon de inisjator en redakteur. It boek befettet 83 lieten, wat goed twa kear safolle is as in trochsneed lietebondel út dy tiid. Mar lang net altyd wiene besteande lieten sammele; besteande teksten wiene oanpast, nije oersettingen fan Dútske gedichten wiene makke, nije gedichten skreaun troch ûnder mear de respektearre dichters Murray Bakker, Colmjon en Sytstra, en de Drachtster musikus Martinus de Boer hie dêr Dútske meldijen by socht. De Boer komponearre dêrneist 21, ek foar koaren gaadlike, nije meldijen.

Mei oare wurden, it Fryske liet waard foar in grut part makke, net ûntdutsen of bewarre, en by de tarieding fan It lieteboek – fan 1874-1876 – wie it op ’e nij de Dútske lietekultuer dêr’t út liend waard. Fryske sang fan Waling Dykstra – syn earste en lêste bondel dêr’t behalve de wurden ek de noaten yn ôfprinte waarden – hat dêryn it foarbyld jûn en it paad wiisd. De Dútsktalige teksten dêr’t Dykstra him troch ynspirearje liet of dy’t er oersette, komme meast út de perioade om 1800 hinne of binne noch âlder. Inkeld foar ‘Welkomstliet fan de boer oan de eibert’, dat boarneteksten fan Hoffman von Fallersleben en Rau út de polityk ûnrêstige fjirtiger jierren hat, jildt dat net. Wol giet it ek by de âldere boarneteksten gauris om uteringen fan boere- en boargerferset tsjin de dominânsje fan burokrasy, adel en grutgrûnbesitters, tink oan ‘An die Landleute’ fan Langbein mar ek oan ‘Der reichste Fürst’ fan Kerner. Krityk op stânsferskillen wurdt yn sokke teksten gauris kombinearre mei Dúts nasjonalisme, dat ôfweve wol mei de ferdieldheid yn allerhanne hartoch- en foarstedommen. Fia de lieten fan Dykstra wurdt eat fan dy emansipaasje-ympuls fan it sljuchte lânfolk ymportearre yn de Fryske lietekultuer.

In oar tematysk aksint yn de fersen mei ûntliening is de satire op de leafdesromantyk. Neamd kinne hjir wurde ‘In âld man en in jong faam’, ‘Minneklachte’ en ‘Ealses klachte’. Foaral dy lêste twa titels bewege har fier fuort fan de ‘anstoss’ en binne foarbylden fan oarspronklik humoristysk realisme.

 

Hjir fine jo it oersjoch fan de ûntlieningen mei de boarneteksten en hjir de twa hjirboppe neamde boarnelieten fan Hoffmann von Fallersleben.

 

Literatuer

Brouwer, J. (1958). Poëzij en proaza fan Eeltsje Halbertsma. Blomlêzing út syn wurk. Den Haag: Tjeenk Willlink.

Dykstra, K. en Bouke Oldenhof (1997). Lyts hânboek fan de Fryske literatuer. útwr. 2e pr. Ljouwert: Afûk.

Dykstra, W. (1848). Doaitse mei de Noardsce balke. Frysce sankjes. Freantsjer: W. Bruining.

Dykstra, W. (1857). De boeresionger. Ny frîsk Lieteboek for feinten en fammen. Freantsjer: T. Telenga.

Dykstra, W. (1860). Mink mei ’t orgel. Ny frîsk lieteboek. Freantsjer: T. Telenga.

Dykstra, W. (1874). Frîske sang. Ny lieteboek mei fjirtich sangen. Frentsjer: F.A. Bosman.

Dykstra, W. (1889). Rom om ’t hert. Sankjes for Elk en Ien. Snits: J.G. de Vries.

Grijp, L.P. (1991). Het Nederlandse lied in de Gouden Eeuw. Amsterdam: P.J. Meertens Instituut

Hoekema, T. (1949). ‘De wize fen E. Halbertsma syn “To Boalsert yn ’e merke”’. It Beaken 11, 200-202.

Hoekema, T. (1984). ‘Ta “Therp” en it “Grytmansfers” fan Eeltsje H. Halbertsma’. Us Wurk 33, 35-40.

Jong, J.L. de (1945). ‘De foarste printinge fan it âld Frysk lieteboek (In stikje Frysk libben út’e 70er jierren)’. It Beaken 7, 24-32.

Lambooij, Th. (1980). ‘It Fryske liet yn Fryslân; sjongboekjes en lieteboeken’. It Beaken 42, 263-276.

Miedema, H.T.J. (1968). ‘De Fryske Lorelei fan dr. Murray Bakker’. It Beaken 33, 156-161.

Molen, S.J. van der (1969). ‘It Fryske liet hie neat eigens. Dokter Eeltsje liende fan de Dútskers, Waling-Om by it sljochtwei folk’. Leeuwarder Courant 7 juny 1969.

Nettl, B. (2014). ‘Folk music’, yn: Encyclopedia Britannica, 14 febrewaris 2014, https://www.britannica.com/art/folk-music. Krigen 8 febrewaris 2019.

Oppewal, T. e.o, red. (2006). Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur. Amsterdam: Bert Bakker.

Piebenga, J. (1957). Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse. 2e pr. Drachten: Laverman.

Schippers, H.K. (1971). ‘Wurd en wize’. Yn: Freark Dam e.o., red., Mar ik sil stride… Ljouwert: Miedema Pers/De Tille.