name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

De betsjoende boeredochter

Skriuwer en mienskip yn it Spannum fan Waling Dykstra

Abe de Vries - Fers2 3.9, 7 maaie 2017

 

waling dykstra image

 

 

Die liegt en moordt, doet een Duivels werk, en maghmen seggen, dat de Duivel selve dat doet, om dat hy d’ eerste oorzaak is van menschen boosheid, daar dat doen uit spruit.

—Balthasar Bekker, 1692  

 

 

Fan ’t jier 170 jier lyn ferskynde – yn ’t jierboekje De Byekoer, noch ûnder redaksje fan Tiede Dykstra – it ferhaal ‘De betsjoende boeredochter’ fan Waling Dykstra.W. Dykstra, ‘De betsjoende boeredochter’, De Byekoer (W.J. Bruining Kz., Frjentsjer 1847); opnommen yn W. Dykstra, Winterjounen by Gealeboer (Ippius Fockens, Frjentsjer 1851); letter noch omwurke ta in blijspul yn trije bedriuwen, De hele boel bitsjoend (W. Dykstra, Holwerd 1883). It wurd ‘boeredochter’ is dan út de titel ferdwûn. It stik is troch it selskip Fryske Keamer Gysbert Japicx fan Piter Jelles Troelstra en Oebele Stellingwerf (siktaris Onno H. Sytstra) opfierd yn novimber 1883 yn Ljouwert en Snits. Leeuwarder Courant, 28 novimber 1883: ‘Onkundig en onwetend wordt Goasseboer gejaagd door verregaand bijgeloof, de welkome prooi van … eveneens onwetenden, wier lage maatschappelijke positie hen bijna noodzaakt slecht te zijn.’ Fierder útfieringen troch oare selskippen yn Menaam (1883), Marssum (1883), Grou (1883), Dronryp (1884), Easterlittens (1884), Wergea (1885), Holwert (1891), Wergea (1895) en Surch (1896). Ien fan syn earste gruttere ferhalen is in kabareteske satire op byleauwe, leauwe yn duvels en duvelbanders, of wûndergenêzers, en yn ’e magyske krêft fan rituelen, formules en foarskriften. Yn it yn grutte mearderheid befynlik-ortodokse Spannum hie de stoarje sa folle opskuor wol fan gefolgen, dat de skriuwer neffens eigen sizzen ‘in pak bruien’ ûnthjitten waard. Wy witte dat út in brief út 1851 fan Dykstra oan Tsjibbe Gearts van der Meulen. Hy jout dêr as syn betinken ‘dat de lju nou noch miene, dat al wat ik skriuw it wyt hat om de iene of de oare te beledigjen, en altyd hâlde se ’t foar ’n grut kwea’.Geert Aeilco Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (A.J. Osinga, Boalsert 1926) s. 372-373; Waling Dykstra, brief oan Tsjibbe Gearts van der Meulen, 28 july 1851.

Mar al foar de publikaasje fan ‘De betsjoende boeredochter’ hie er it by de befolking fan it doarp dêr’t er sûnt 1840 as bakker wenne ferbruid en wie er mei geweld bedrige. Dat wie doe’t er in fyt úthelle hie mei in nep-kontaktadvertinsje yn Suringars Friesche almanak foar it jier 1844, dêr’t er yn ’e rubryk ‘Doolhof’ in ‘Advertentie uit de fryske straatcourant’ sette litten hie. Ut deselde brief:

Dat teach in foarname boeredochter har oan, hoewol ik mei in eed biswarre doar, dat ik hja nea miend ha. En doe’t hja ’n bytsje dêrnei troch swiersettichheid fan ‘hopeloze liefde’ in ferslopping yn de lidden krige, dêr’t de help fan ’n duvelbander by ynroppen wurde moast, doe krige ’t Doolhof dêr de skuld fan, en ik rekke by alle Spannumer lju út it blêd.Geert Aeilco Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (A.J. Osinga, Boalsert 1926) s. 372-373; Waling Dykstra, brief oan Tsjibbe Gearts van der Meulen, 28 july 1851.

It moat dus nochal wat west hawwe. Mar dy’t mear fan ’e affêre witte wol, komt yn ’e literatuerskiednis foar in tichte doar te stean. Oan no ta is gjin stúdzje dien nei it konflikt tusken de Spannumer doarpsbefolking en de drystmoedige bakker. Wy hawwe oer de kwesty inkeld boppesteande koarte notysjes fan ’e skriuwer sels. It ferhaal hat as tema de oerwinning fan it ferstân op de eangst foar de duvel; de santjinde-ieuske dûmny Balthasar Bekker, foargoed berucht by de ortodoksy, komt as in rolmodel nei foarren. Religieuze oertsjûgingen, hoewol’t der gjin wurd oer tsjerke of religy yn it ferhaal foarkomt, lizze sadwaande as in meta-tekst ûnder ‘De betsjoende boeredochter’. Mar wat Dykstra syn religieus tinken krekt wie, yn syn Froubuorrenster en Spannumer tiid, is net fierder bepluze as yn ’e skets dy’t syn soan Jan Walings Dykstra der yn 1949 fan jûn hat.J.W. Dykstra, ‘Syn oergong nei it modernisme’, yn: Idem, Waling Dykstra. Syn libben en syn wurk (A.J. Osinga, Boalsert 1949), s. 50-56.

Watfoar ynfloeden hat Waling Dykstra ‘yn it geastlike’ ûndergien yn Froubuorren en Spannum? Watfoar wrâld trof er oan doe’t er him yn 1840 nei de Greidhoeke te wenjen sette? Hoe hawwe keunstner, literatuer en mienskip har dêr ta inoar ferhâlden? Watfoar rol hat ‘De betsjoende boeredochter’ spile, nei ferskining, mar ek yn de lettere literêre resepsje fan Dykstra syn skriuwerij?

It leauwe fan Waling Dykstra

Oer it leauwe fan syn jonkheid hat Dykstra yn 1901 skreaun dat de húshâlding fan syn pake en beppe yn Froubuorren, dêr’t er oant 1840 ynwenne, ‘wel niet streng ortodoks, maar toch verre van lichtzinnig’ wie.J.W. Dykstra, ‘Syn oergong nei it modernisme’, yn: Idem, Waling Dykstra. Syn libben en syn wurk (A.J. Osinga, Boalsert 1949), s. 50-56, s. 51. J.W. Dykstra tocht earder, yn in lêzing yn 1935 oer syn heite wurk, dat yn Froubuorren Waling Dykstra syn ‘pake en syn muoikes … folle mear ûnder de nije tinkbielden fen revolúsje en forljochting libben as de âlden to Spannum’, mar dy passaazje hat er yn syn lettere biografy weilitten. Hy gie yn ’e lêzing yn op fragen fan Wumkes en Godard Gosses oer de religieuze opfettingen fan Waling Dykstra. ‘De heer J.W. Dijkstra hie in ûnderwerp: “Ut heite libben en wirk”’, Leeuwarder Courant, 1 augustus 1935. Alles wat yn ’e Bibel stie, wie letterlik wier, waard him ynprinte. Dat lit him ek wol yntinke, want pake en beppe en ek syn heit en mem hiene fan 1812 oant 1819 yn it leauwe lieding krigen fan ’e rjochtsinnige Froubuorrenster dûmny Laurens van Loon (1791, Sint Jabik-1861, Dimter).‘Laurens van Loon, “Candidaat onder de Eerwaarde Classis van Leeuwarden en beroepen Predikant te Vrouwen Parochie”, was op 21-jarige leeftijd op 19-2-1813 in Het Bildt in Friesland getrouwd met Margaretha Swartte, 26 jaar oud en geboren in de Pruissische Polder. Laurens was geboren in St. Jacobiparochie als zoon van Everhardus van Loon [1762-1847, wie siktaris fan it Bilt fan 1796-1835 en fan 1799 oant syn dea notaris te Sint Anne, AdV] en Femmigje Laurensdr. Bovenkamp. Zijn bruid was een dochter van Gerardus Henricus Swartte, laatst predikant te Vrouwenparochie en aldaar overleden.’ Laurens van Loon wie in omke fan Jacobus van Loon, de mei-oprjochter fan it Frysk Selskip. Boarne: http://genealogiebos.blogspot.nl/2016/07/predikant-had-vlagen-van-razernij.html. Krigen 15 maart 2017. Van Loon waard, doe’t er letter te Baaium-Welsryp stie,Van Loon fertrok yn 1819 mei in preek oer Jesaja 21:10: ‘O mijne dorschingen en de tarwe mijnes dorschvloers!’ Boekzaal der Geleerde Wereld, july 1819, s. 241. troch Hendrik de Cock, de Grinslanner foaroanman fan ’e Ofskieding, teld by de tolve rjochtsinnige predikanten yn Fryslân dêr’t er fertrouwen yn hie.W.V. van der Zwaag, Reveil en afscheiding. Negentiende-eeuwse kerkhistorie met bijzondere aktualiteit (De Groot Goudriaan, Kampen 2006) s. 495.

Doe’t Dykstra syn heit en mem yn 1824 in bakkerij yn Spannum hierden fan ’e Nederlânske Herfoarme tsjerklike gemeente Spannum-Iens, wie Van Loon yn Baaium-Welsryp al ien fan ’e predikanten dy’t út ’e wide omkriten rjochtsinnige leauwigen luts dy’t yn har eigen tsjerke har gerak net krigen.‘Bij vonnis van de arrondissements-regtbank in Deventer van 27-1-1847 werd Laurens van Loon, voorheen predikant te Welsrijp, onder curatele gesteld. Hij werd verpleegd in het Geneeskundig Gesticht voor Krankzinnigen te Deventer vanwege ‘Krankzinnigheid, gepaard met Vlagen van Razernij’. Laurens van Loon, emeritus predikant, overleed in Deventer op 7-4-1861.’ Nederlandsche Staatscourant, 6 febrewaris 1847. Yn 1832 rapportearre de Boalserter gemeenteried op fersyk fan ’e gouverneur fan Fryslân oer de bewegingen fan ortodoks tsjerkefolk út ’e gemeente nei dûmny Van Loon te Welsryp en oare ‘regtzinnige leeraars, die het Woord van God zuiver en onvervalscht verkondigen en de Hervormde leer tot derzelver oorspronkelijkheid terug te brengen … ’.‘Rapport van het gemeentebestuur van Bolsward aan den Gouverneur van Friesland, 9 april 1832’, yn: F.L. Bos., red., Archiefstukken betreffende de afscheiding van 1834. Eerste deel: Voorgeschiedenis (1822-1834) (Kok, Kampen 1939) s. 150. Sjoch ek: J. Wesseling, De Afscheiding van 1834 in Friesland. Diel 1: De classis Wanswerd (Dokkum) van de Afgescheiden Kerken (De Vuurbaak, Groningen 1980). Datselde reizgjen nei rjochtsinnige predikanten diene Dykstra syn âlden en harren bern yn Spannum ek. Hy krige it fan jongsôf mei as er yn ’e wykeinen en de fakânsjes of foar langere tiid útfanhûs yn Spannum wie. Hy hat, skriuwt er oan Van der Meulen, hope hân ‘dat God noch wol ris de iene of de oare krêftige preek oan my tsjinstber meitsje koe om my to bekearen’.Geert Aeilco Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (A.J. Osinga, Boalsert 1926) s. 373; Waling Dykstra, brief oan Tsjibbe Gearts van der Meulen, 28 july 1851.

Yn Froubuorren sille de preken lichter west hawwe. Dêr stie fan 1826 oant syn dea Johannes [Jan] Petrus [Pieter] Auwen (1792-1849), soan fan in Grinzer weetkeapman. Auwen studearre teology yn Grins fan 1811 oantemei 1818Almanak der Akademie van Groningen voor het jaar 1832 (J. Oomkens, Groningen 1831) s. 84. by Herman Muntinghe, dy’t net folle letter jilde sil as ien fan ’e ynspirators fan ’e ‘Grinzer rjochting’ yn ’e teology.R. Klooster, Groninger Godgeleerdheid in Friesland 1830-1872 (Fryske Akademy, Ljouwert 2001); J. Vree, Groninger Godgeleerden. De oorsprongen en de eerste periode van hun optreden (1820-1843) (Kok, Kampen 1984). Ut ’e húshâlding fan Auwen krige Waling as jonge wolris boeken te lien fan dûmnyssoan Jan Auwen (1822-1875).J.W. Dykstra, Waling Dykstra. Syn libben en syn wurk (A.J. Osinga, Boalsert 1949), s. 20. Ien fan dy boeken kin in diel fan Salomo (1834) west hawwe, yn in werprintinge fan it wurk wêrmei’t Johannes Hendrikus van der Palm (1763-1840), de eardere steatsman, heechlearaar en dichter, namme makke hie as Bibel-útlizzer.Johannes Henricus van der Palm, Salomo. Diel 1 [1808] (3e pr.; Suringar, Leeuwarden 1834). Auwen tekene yn op de útjefte.

Mar it wie yn Spannum dêr’t Waling Dykstra foargoed kennis makke mei de kalvinistyske leare, en dy like him ynearsten ‘veel beter met den bijbel overeen te stemmen, dan de kunstenarijen fan prof. van der Palm, die toen in de smaak vielen bij de liberalen op godsdienstig gebied’.J.W. Dykstra, Waling Dykstra. Syn libben en syn wurk (A.J. Osinga, Boalsert 1949), s. 51-52. Dy strang-kalvinistyske leare sil er lykwols net opdien hawwe fan tsjerkegong by dûmny Laurens Adriani (1799-1869) fan Spannum-Iens, dy’t fan 1827 oant syn emeritaat yn 1865 de Nederlânsk Herfoarme gemeente betsjinne, tsjin it sin fan in grut part fan ’e rjochtsinnige doarpsbefolking, dy’t earne oars tsjerke. Wumkes skriuwt dat Adriani yn Iens sneins bytiden mar in gehoar fan in stik as tsien minsken hie.

Lykas op oare plakken wie it de pleatslike grutgrûnbesitter, de liberaal jhr. mr. Frans Julius Johan van Eysinga (1818-1901), dy’t de oanstelling fan in ortodokse predikant ferhindere. Net earder as yn 1869 soe Spannum-Iens in rjochtsinnige dûmny krije. De oerienkomst tusken de tsjerkegong by Adriani yn Iens en dy fan ’e ‘gewoane’ dûmny fan Grienbuorren yn ’e Tyl Ulespegel is treffend:

In domeny hiene wy net ienris om ’e helt, hwant dy kaem om ’e tredde Snein ienkear by uzes op ’e preekstoel om hwat to praten. Dat duorre, as foarlêzen, sjongen en al dy grappen der ôf rekkene waerden, net folle langer as in healûre. En dat hie sa’n útwurking, dat fan it bytsje minsken, dy’t kamen om der nei te harkjen, twa trêddeparten yn de sliep foelen en de oaren tochten jit mear om har kij as om de preek.Waling Dykstra, De Frîske Thîl Ûlespegel, of de Wonderlike Libbensskiednis Fen Hantsje Pik, Fen Him Sels Biskrieun en in ’t Liocht Jown Fen W.D. (Frjentsjer, T. Telenga, 1860), s. 34 (boarne beskikber op <https://books.google.nl/books?id=5T8_AAAAcAAJ&printsec=frontcover&source=gbs_ge_summary_r&cad=0#v=onepage&q=foel&f=false>).

Oare tsjerken rûnen fol. Befynlike, saneamd ‘onderwerpelijke’ prediking dy’t de minsken yn ’t moed taaste of krekt bestraffend taspruts, brocht troch predikanten mei mear ynhouten, wie yn ’e tritiger en fjirtiger jierren sawol by de minsken fan ’e Ofskieding as dy fan it Reveil populêr. Mar fan ’e fjirtiger jierren ôf hie men de ‘voorwerpelijke’ kant, de útlis fan de Skrift en de ortodokse dogma’s, net minder acht te slaan.Foar in koarte skets fan it Reveil yn Fryslân, sjoch Rudolf Jozef Staverman (OFM.), Volk in Friesland buiten de kerk (Van Gorcum, Assen 1954) s. 103-111 (beskikber op <http://images.tresoar.nl/wumkes/pdf/StavermanRJ_VolkFrieslandBuitenKerk.pdf>).

 

Waling Dykstra hat leaud yn ’e kalvinistyske dûbele predestinaasje, ‘dat der in lyts tal minsken útkeazen wie ta de sillichheid, en dat al de oaren ferlern gean moasten’.Geert Aeilco Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (A.J. Osinga, Boalsert 1926) s. 373; Waling Dykstra, brief oan Tsjibbe Gearts van der Meulen, 28 july 1851. Syn jeugdfreon Jacobus Cornelis Hoitsma (1822-1864) út Froubuorren hie deselde oertsjûging. Letter doarst Dykstra himsels lykwols net mear ta de útferkeazenen te rekkenjen, nettsjinsteande al it tsjerkegean om utens by ferneamde ortodokse foargongers. It late ta in krisis, en in ferskowing yn it tinken yn ’e rjochting fan wat yn ’e teology de moderne rjochting en yn omgongstaal ‘it nije ljocht’ neamd waard. As er Van der Meulen skriuwt, yn 1851, hat er de rjochtsinnichheid de rêch al takeard en de predestinaasje derby:

Om myn libbenswandel te ferbetterjen, dêr makke ’k net folle wurk fan, want myn stelling wie: as ik ta de útkeazenen hear, sil God, as de tiid dêr is, wol in geastlike feroaring yn my wurkje, en oars kin ’t sa folle net skele hoe’t ik libje. Ik haw it dochs by eigen ûnderfining, dat dizze leare soargeleaze en goddeleaze minsken makket. Doe wie ’k al moai op wei om in minskehater te wurden.Geert Aeilco Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (A.J. Osinga, Boalsert 1926) s. 373; Waling Dykstra, brief oan Tsjibbe Gearts van der Meulen, 28 july 1851. Ferl. Petrus Hofstede de Groot, ‘Mijn levensgenot als kind werd door angst daarover vergald. Uren lang lag ik dan ’s nachts wakker, en schreide en bad, dat ik toch niet tot de verworpenen mogt behooren, en werd dan schier wanhopig, dewijl aan Gods raadsbesluit toch niets kon veranderd worden.’ (Abm. des Amorie van der Hoeven Jr., Herinneringen van mijne academiereis in 1843 (Leeuwarden 1845), s. 33; Petrus Hofstede de Groot, Vijftig jaar in de theologie (Groningen 1872), s. 9.)

En dan:

Nou mien ik lykwols ynsjen te kennen, dat sok in leare stridich is mei ’t tinkbyld fan ’n leafdefolle God, dy’t ’t lok fan al syn skepsels befoarderje wol, en fan ’t ferlossingswurk fan Gods Soan, dat wis net op sa’n menear beperke wurde mei. Ik leau lykwols noch net dat in minske mei syn deugd wat foar de ivichheid fertsjinje kin, om’t men mei ’t alderheilichste libben noch lang net betelje kin wat men skuldich is. It is allinnich troch genade dat ’n minske sillich wurdt. Mar wy binne ta de deugd ferplichte, foarearst om te bewizen, dat wy earbied hawwe foar God en syn wetten, en te twaden om ús sels en ús meiminsken safolle lok yn dit libben te besoargjen as ús dwaanlik is. Mar ik leau ek dat ’n minskehert en sin mear nei ’t kwea as nei ’t goed oerhellet.Geert Aeilco Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (A.J. Osinga, Boalsert 1926) s. 372-373; Waling Dykstra, brief oan Tsjibbe Gearts van der Meulen, 28 july 1851.

Oan it ôfwizen fan ’e leare fan ’e predestinaasje, de klam op in leafdefolle God, it foarbyldkarakter fan Jezus en de ferplichting ta sosjale deugd sjocht men dat it religieuze tinken fan Dykstra yn ’t begjin fan ’e fyftiger jierren past yn ’e doedestiids ‘moderne’ teology fan ’e Grinzer rjochting fan ûnder mear P. Hofstede de Groot.J.W. Dykstra neamt as ynfloed ek David Friedrich Strauss (J.W. Dykstra, Waling Dykstra, syn libben en syn wurk, 1949, s. 50). David Friedrich Strauss syn Das Leben Jesu, kritisch bearbeitet (Tübingen, 1835-1836) waard yn 1846 yn it Ingelsk oerset troch George Eliot. In Nederlânske oersetting ferskynde krekt yn 1864: Het leven van Jezus, voor het volk bewerkt (R.C. Meijer, Amsterdam 1864). Mar al yn 1840 wie yn it Nederlânsk in krityk op it wurk fan Strauss publisearre troch de heechlearaar filosofy en letteren te Grins F.C. de Greuve, Het leven van Jezus, critisch verdedigd tegen Dr. David Friedrich Strauss (P. van Zweeden, Groningen 1840). De measte dûmnys yn Noard-Nederlân yn it midden fan de njoggentjinde ieu hearre ta dizze skoalle. Opfallend is dat Dykstra yn 1851 noch wol de ortodokse genadelear oanhinget – dat de minske inkeld sillich wurde kin troch genade, inkeld rêden wurde kin troch it leauwe – en dat syn minskbyld pessimistysk is. Net allinnich dat er him besibbe field hat oan ’e Grinzer teology, mar men kin dúdlik sjen dat ortodokse tinkbylden ek in rol spylje.

Befynlikheid yn Spannum en Iens

Yn watfoar geastlik fermidden kaam Waling Dykstra yn Spannum telâne? Op moandei 27 april 1840 – hy sil him de moanne dêrnei nei Spannum te wenjen sette – waard by opbod ferkocht de bibleteek fan kuper Tjerk Pieters Oostra (1764-1842). Dy bestie út ‘eene aanzienlijke hoeveelheid oude Godgeleerde werken, en wel 237 nummers van één en meer deelen, waaronder Werken van Nahuis, J. D’outrein, Comrie, Lampe, Hellenbroek, Honert, W. Brakel, F. Ravenstein, enz. … .’Leeuwarder Courant, 24 april 1840. De opbringst wie 233,- gûne. Minuut-akten 1838-1840, archiefnummer 26, Notarieel archief - Tresoar, inventarisnummer 140010, aktenummer 00013. Gemeente: Hennaarderadeel. Periode: 1838-1840. Omrekkene nei euro’s (2015) gie it om hast 5000 euro. De auteursnammen ferwize nei gedachteguod út de Fierdere Reformaasje.T. Brienen, K. Exalto J. van Genderen, Dr. C. Graafland en W. van ’t Spijker, De Nadere Reformatie en het Gereformeerd Piëtisme (Boekencentrum, ’s Gravenhage 1989) (beskikber op <http://www.ssnr.nl/publication/B97005930/text>). Yn dy santjinde- en achttjinde-ieuske tsjerklike en teologyske streaming kaam de klam te lizzen op persoanlike ferdjipping fan it leauwe, tapast op it libben fan alledei, kombinearre mei in strikte ynterpretaasje fan ’e Dortse Learregels yn ’e tradysje fan de teolooch Gisbertus Voetius.

Nei it ein fan ’e Frânske tiid komt dat gedachteguod yn Nederlân werom ûnder ynfloed fan ferset tsjin de rasjonalistyske teology dy’t oan de universiteiten hearsket. Yn ’t Reveil, sa’t dizze protestantse fernijingsbeweging neamd wurdt, krije de befynlike idealen fan ’e Fierdere Reformaasje stal yn it ramt fan striid tsjin frijsinnige tendinzen yn ’e Nederlânsk Herfoarme tsjerke en lossinnige dêrbûten. Wassenaar skriuwt oer ‘de Reveilman’:

Met de bevindelijke vroomheid hing een pessimistische visie op wereld en leven samen. De wereld zag men als een poel van zonde. Het alledaagse bestaan met z'n soms zo oppervlakkige vertier vond men bedenkelijk. Een ingetogen leven met mijding van de wereld en onthouding van drank, kermisbezoek en dergelijke kenmerkte de Reveilman. Zo was er sterke aandacht voor de christelijke zede en overeenkomstig strenge controle op een puriteinse levenshouding.T. Brienen et al., De Nadere Reformatie en het Gereformeerd Piëtisme (Boekencentrum, ’s Gravenhage 1989), s. 28 (beskikber op <http://www.ssnr.nl/publication/B97005930/text>).

Yn ’e krite fan Spannum en Iens joegen om 1850 hinne wolstelde, befynlik-griffermearde boerefamyljes as Eringa, Noordmans, Rispens en Hieminga de grinzen en de bânbreedtes oan fan ’e rjochtsinnige wierheid. Wumkes jout yn syn hagiografy oer it Fryske ReveilG.A. Wumkes, It Fryske Réveil yn portretten [1911] (A.J. Osinga, Boalsert, 1938). en op oare plakken heech op fan Jan Piers Eringa (1792-1872),G.A. Wumkes, It Fryske Réveil yn portretten [1911] (A.J. Osinga, Boalsert, 1938), s. 126-140. Dirk Jacobs Noordmans (1788-1869)Troch dûmny Jan Wouter Felix neamd ‘onze Friese professor’. G.A. Wumkes, It Fryske Réveil yn portretten [1911] (A.J. Osinga, Boalsert, 1938), s. 229. en dy syn omkesizzer Dirk Piers Noordmans (1828-1907),G.A. Wumkes, It Fryske Réveil yn portretten [1911] (A.J. Osinga, Boalsert, 1938), s. 184-185. Sjoch ek W. Balke, ‘Durk Piers Noordmans’, Heel het Woord en heel de Kerk. Schetsen uit de geschiedenis van de vaderlandse kerk (Kok, Kampen 1992) s. 127-136. befynlik-ortodokse leke-teologen út ’e rikere boerestân, dy’t troch foarbyld, fermogen en kontakten in rol spile hawwe yn ’e ûntjouwing fan it Reveil yn ’e noardlike Greidhoeke. In soan fan Dirk Piers is de teolooch Oepke Noordmans (1871-1956), in oerpakesizzer de âld-haadredakteur fan ’e Leeuwarder Courant Jacob Noordmans (1928).

It religieuze spoar fan ’e famylje Noordmans in skoftke weromfolgjend, komt men út yn 1746, as yn Lemsterlân Dirk Pyters en Fim Jacobs boaskje; se dogge dan ek beide belidenis. Tsien jier letter stiet Dirk Pyters notearre as hierder fan in pleats en lân yn Eastergea, eastlik fan de Lemmer. Sa komt mei fia de Lemster predikant Georgius van Bleijswijk (1728-1800), dy’t in learling fan de teolooch Bernhardinus de Moor yn Leien wie en ta de voetiaanske rjochting hearde,Bernhardinus de Moor (1709, Maasslûs – 1780, Leien). P.J. Blok en P.C. Molhuysen, Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek. Diel 10 (1937) s. 647-648. in sawol dogmatyske as befynlike ynfloed nei it noarden, as yn 1778 Dirk Pyters syn soan Jacob Dirks Noordmans (1753-1815) ferhuzet. Nei syn houlik mei Ymkjen Jans Wynia (1759-1829) út Wolsum wurdt er boer te Iens. Syn soannen Dirk Jacobs, Pier Jacobs en Jan Jacobs Noordmans fêstigje har yn respektivelik Allingawier, Iens en Easterein.

Yn dizze rûnte waarden de bern net yninte tsjin sykten, om’t soks yn striid wêze soe mei Gods foarsjennichheid.G.A. Wumkes, ‘Durk Piers Noordmans’, Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek. Diel 3 (1911) s. 919: ‘Hij genoot het lager onderwijs slechts bij kleine tuschenpoozen, daar hij niet aan de inenting werd onderworpen.’ Heech yn oansjen yn hiel ortodoks Fryslân, en grif ek yn ’e noardlike Greidhoeke, stie doe noch altyd de Redelyke GodtsdienstWilhelmus à Brakel, De redelijke goedsdienst [1700] <http://www.theologienet.nl/theologieindex.html#BRAKELW> Krigen 6 maaie 2017. fan ’e yn Ljouwert berne predikant en teolooch Willem Brakel (1635-1711), in populêr stichtlik learboek foar it folk, mei romte foar befining, mystyk en antwurden op gewissefragen.A. de Reuver, ‘Johannes à Marck. Een gereformeerde scholasticus’, Reformatorisch Dagblad (8 maaie 2002). It wurk fan Brakel wie lange tiid ien fan ’e populêrste hânboeken foar de griffermearde dogmatyk en moraal. P.J. Blok en P.C. Molhuysen, red., Nieuw Nederlandsch biografisch woordenboek. Diel 4 (1918) s. 281. Brakel hat as predikant yn Allingawier-Eksmoarre stien yn ’e jierren 1662-1665,J. Mastenbroek, ‘De oudvader van Exmorra’, Reformatorisch Dagblad 20 septimber 2006: ‘Na zijn dood hield à Brakel volgens Ringnalda [Geert Ringnalda, âld-koster] in Exmorra en omgeving groot gezag. „Het was hier in de buurt een gezegde: Vader Brakel heeft het gezegd, dus zal ’t wel waar zijn. Op z’n Fries: Fader Brakel hat it sein, dat it sil wol wier wêze. Brakel was een dogma, een begrip. In ons buurdorp Allingawier nog meer dan in Exmorra.’ yn Starum 1665-1670, yn Harns 1670-1673 en yn Ljouwert 1673-1683, wêrnei’t er nei Rotterdam ferhuze. Lykas Voetius leaude ‘Vader Brakel’ yn ’t bestean fan ’e duvel en kweade geasten, dy’t in fysike foarm oannimme kinne en somtiden mei de minsklike sintugen waar te nimmen binne. Hy soe skreaun hawwe dat ‘wie niet aan het bestaan van tovenarij en tovenaars gelooft, … zelf waarlijk betoverd [is] van de duivel.’H. Algra en A. Algra, Dispereert niet. Twintig eeuwen historie van de Nederlanden, Diel 2 (Wever, Franeker, 1956), s. 166. Deselde passaazje wurdt sitearre by G.A. Wumkes, Volksgeloof (Hollandia, Baarn 1909), s. 6.

Brakel wie yn ien fan ’e fûlste bestriders fan Balthasar Bekker en De betooverde wereld (1691), dat op grûn fan cartesiaansk ferljochtingstinken de spot dreau mei wat Bekker as byleauwe seach.Yn syn ‘Circulaire brief van de Eerwaarde Kerken-raad van Rotterdam, geschreven aan de respective Kerken-raden van Zuyd- en Noord Holland; misgaders aan de voornaamste steden van de verdere gëunieerde provincien, wegens de saake van D Balthasar Bekker, en syn boek de Betooverde Weereld’ fan 1692 skreaune de Rotterdamske predikanten Brakel en L. de With oan alle tsjerkerieden fan Noard- en Súd-Hollân dat Bekker syn boek in ‘bespottinge der Heylige Schrifture’ wie en dat sy har net ferienigje koene mei it ‘inblyven van gemelte Balthasar Bekker in de Gereformeerde Kerk, speciael als Predikant’.

‘De betsjoende boeredochter’

It ferhaal ‘De betsjoende boeredochter’ kin sjoen wurde as in Betoverde wereld yn it lyts. Dat blykt net allinnich út ’e titel mar ek út in ferwizing nei Bekker yn ’t ferhaal. As Goasseboer oan Haeije Smoes freget om yn hûs te bliuwen oant de duvelbander komme sil om syn dochter Blyke te genêzen, seit Haeije ta en kundiget alfêst oan dat er him net foar ’t lapke hâlde litte sil, ‘dêrta ha ’k tefolle yn Bekkers ‘Betoverde Wereld’ omsnuffele’.Waling Dykstra, Winterjounen by Gealeboer. Teltsjes yn rym en onrym (Ippius Fockens, Frjentsjer 1851), s. 17-18.

Blyke is de fjirtjinjierrige dochter fan Goasseboer, dy’t widner is, syn húshâldster Gatske alle wurk dwaan lit en sels dei en nacht oan ’e rol is. Wylst har siik wêzen yn werklikheid in stil protest is tsjin ’e úthuzichheid fan har heit, tinkt hy – om’t de bedraachster Berber Kruk him dat wiismakke hat – dat se betsjoend is en dat der in duvelbander komme moat. Dy’t him dêr foar útjout, blykt in oplichter te wêzen, mar elkenien komt oan ’e ein ta ynkear en ynsjoch en begjint oan in better libben. Likegoed soe Haeije Smoes graach wolle dat Berber Kruk ‘oan ’t hoantsje fan de Tsjommer toer hinge’.Waling Dykstra, Winterjounen by Gealeboer. Teltsjes yn rym en onrym (Ippius Fockens, Frjentsjer 1851), s. 26.

It is de iennichste geografyske oanwizing yn ’t ferhaal: it soe by Spannum spylje kinne. Fierder jout it ús gjin inkelde ynformaasje oer, of taspiling op, religy of religieuze oertsjûgingen. De tsjerke wurdt by it siik-wêzen fan Blyke net neamd noch suggerearre, oars as yn ’e ferwizing nei Bekker. Ofweefd wurdt inkeld mei byleauwe yn ’t reële bestean fan spoeken, duvels en ferflokkingen; Goasseboer is in domme man, dy’t himsels ûnheil op ’e hals hellet. It ferhaal is in klucht yn ’e tradysje fan ferljochte byleauwe-bespotting, mar Dykstra mjokset der ek it midsieuske Tyl Ulespegel-motyf trochinne. De winners binne de ‘low life’ bedragers Falentyn Hier-en-Burd en Berber Kruk, dy’t heech en dreech mei de bút yn ’t poepelân sitte.

Hoe ferhâldt ‘De betsjoende boeredochter’ him mei oare literatuer oer byleauwe út dy tiid? It mei humor en klucht bestriden fan byleauwe is in bekende topos yn suver de hiele njoggentjinde-ieuske literatuer, in literêre erfenis fan ’e ferljochting dy’t yn it opkommende liberalisme mei syn noftere beskavingsideology graach oernommen wurdt. Dat betsjut dat it leauwe yn spoeken, geasten, duvels, heksen, magy, foartekens, foarsizzingen en ferflokkingen gauris der fan lâns krijt yn boeken, kranten en tydskriften mar ek yn resitearselskippen en op nutsbyienkomsten. Dykstra syn ferhaal stiet yn deselde realistyske en rasjonalistyske tradysje as it in jier earder ferskynde Clipsrymkes fan Hjerre Gerrits van der Veen.Hjerre Gerrits van der Veen, Clipsrymkes (W.J. Bruining Wz., Frjentsjer 1847).

In oare literêre beneiering fan byleauwe hat earder in romantyske achtergrûn en is oan te treffen yn it wurk fan skriuwers en wittenskippers út de hegere boargerij, dy’t it byleauwe romantisearje as ‘gothic’ grizeljen en it tagelyk fersmite,Bygelyks Eeltsje Halbertsma yn it fers ‘De Langesleattemer man’ út 1849, yn: E. en J. Halbertsma, Leed en wille en de flotgerzen (J. de Lange, Deventer 1854). of dernei sjogge as nijsgjirrich folksleauwe dat wat te sizzen hat oer de ‘eigenheid’ fan it Fryske folk.J. Piebenga, ‘Om it Frysk genoatskip hinne. Fryslân en de Fryske biweging fan 1820-1840’, De Tsjerne 18 (1963) s. 360 oer ‘de Genoatskipsmannen’: ‘ … de lêsten is de sucht fan de romantyk nei it alomfiemjende, synthétyske en harmonisearjende dochs net frjemd. Fryske stiídzje is foar harren alteast yn prinsipe gjin pielderij, mar gearfetsjende wittenskip en sels libbensskôging. Op har wize hawwe hja Germanistyk bidreaun, net safolle minder en earmoediger as earne oars yn Nederlân. Oft it om rjochtsboarnen, om mounlinge oerleveringen of om mythology giet, om folksmearkes, byleauwe of sede, hja sjogge it as de greate learmaster Jacob Grimm allegearre yn de organyske ienheit fan it folk ….’ It heksershol (1854) fan Joast Halbertsma is in foarbyld, opnaam yn de Rimen & Teltsjes en yn it Nederlânsk oerset troch Theun de Vries (1963),Joost Hiddes Halbertsma, Het heksershol (Wereldbibliotheek, Amsterdam-Antwerpen 1963). dat de romantysk-konservative kant útskaait. Mei Ofskieding en Reveil wurdt it ferskynsel troch mear as ien auteur ta ûnderdiel makke fan ’e algemiene politike en religieuze rjochtingestriid, mar Halbertsma set it benammen yn foar fermeits en nimt it sels yn beskerming, út frees dat byleauwebestriding op kosten gean sil fan sawol it Fryske folkskarakter as it kristlik leauwe.Sjoch it foaropwurd fan Joast Halbertsma yn E. en J. Halbertsma, Leed en wille en de flotgerzen (J. de Lange, Deventer 1854). Hjir sit. út Bruorren Halbertsma, Rimen & Teltsjes (11e pr.; A.J. Osinga, Drachten 1994) s. 257: ‘Kin bygelove dan ea it fondemint wêze fan de deugden fan in naasje? It liket ’er net nei, Friezen; mar it bygelove sit ongelokkich troch de wurtels fan de âldste deugden fan in folk hinne frissele, en as men dat onkrûd útskuort lûkt men de echte plant faak mei út.’ Ek hat by menistedûmny Halbertsma meispile de frees dat it kristlik leauwe skea hawwe soe fan byleauwebestriding. Abe de Vries, ‘Fan Europeeske oriïntaasje nei streekkultuer? Het rode tasje van Salverda en it Fryske realisme’, Fers2 2-19 (1 novimber 2015). Webadres: http://www.fers2.eu/20151101-fan-europeeske-oriintaasje-nei-streekkultuer/. Krigen 27 maart 2017.

Trije jier letter publisearre as Dykstra’s Winterjounen by Gealeboer (1851), liket it ferhaal fan Halbertsma in reaksje te jaan op ’e skiednis mei ‘De betsjoende boeredochter’. Oan ’e foaropwurden yn Dykstra syn earste twa sammelbondels falt ôf te lêzen dat er negative reaksjes út syn doarp krige op syn skriuwerij. Hy kleit deroer dat de lju it op harsels belûke en as in mislediging opfetsje. Mar dat kin oars sa ûnferwacht net west hawwe, as men de troch himsels op it aljemint brochte biografyske feiten derby belûkt. Halbertsma, yn syn foaropwurdsje, wol sa net, en seit dat hy sels skriuwt

foar wize lju, dy op myn rekkening net stelle sille, wat ik in oar, om nei syn aard te praten, yn ’e mûle lis. Ik sis dit allinne, omdat yn lytse riken as uzes de lju al gau miene, dat men dy of dy persoan op it each hân het. Wy binne net folle; mar om ús op te hâlden mei de ljuwe, dy no libje, en dy onderdúms stekken te jaan, sjoch, dêr binne wy dochs noch te heech ta. As dat sa wie, soene wy allinne foar de tiid, dêr wy yn libje, skreaun habbe, en dat liket ’er net nei.J.H. Halbertsma, ‘Leed en wille fan E. Halbertsma, En de flotgerzen fan J.H. Halbertsma: In wurdsje foarof’, yn: Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma en Tjalling Hiddes Halbertsma, Rimen & Teltsjes (Leeuwarden, Osinga 1994), s. 256. Hjerre Gerrits van der Veen, De wîlde lantearne. En nuts-preekje (Schaafsma, Dokkum 1855); De bitsjoende wrâld, ef de nije wylde lantearne (N.A. Hingst, Hearrenfean 1880).

Yndie liket Dykstra’s identifikaasje mei Balthasar Bekker yn in befynlik-rjochtsinnich doarp as it Spannum fan 1847 earder op in oarlochsferklearring as op in puberaal ûngemakje (fjouwer jier letter nochris werhelle mei de publikaasje yn in sammelbondel, mei de net werklik gerêststellende opmerking derby dat it ‘út it libben’ optekene wie). Mar ek Halbertsma hie yn 1854 reëel besteande persoanen en histoaryske barrens brûkt as basis foar de fertellingen yn It heksershol, it wie allegear allinnich wol folle langer lyn. Krityk op de eigen tiid útoefenje wie net wat him dwaande hold, dat men hoegde net benaud te wêzen foar ‘onderdúmse stekken’. Letter hat bliken dien dat yn de santjinde-ieuske, yn rjochterlike útspraken fêstleine skiednis dy’t hy bewurke hie foar syn ferhaal, menisten en in menistefoargonger – sa’t er der sels ien wie – net sa’n moaie rol spile hienen.Sjoch ûnder mear R.S. Roarda, ‘In boask, dat net trochgie. In minniste Dûmny poent oan ta ûnttsjoening, 1699’, It Heitelân 28-5 (maaie 1950) s. 104-106; S.J. van der Molen, ‘Dr. Joast Hiddes Halbertsma makke literatuer fan folksferhalen’, Leeuwarder Courant (11 maart 1960). Halbertsma hold, mear as Dykstra, de religy leaver út ’e wyn.

Wierskynlik hawwe der yn ’t boerefermidden fan Spannum en Iens guon west dy’t tochten dat it ferhaal fan Dykstra, publisearre yn in jierboekje mei in relatyf grutte fersprieding, foar elk te lêzen, op har of har fermidden sloech. Minsken as Jan Piers Eringa fan Iens en Dirk Jacobs Noordmans fan Allingawier, mei famylje yn Spannum: mannen út ’e omkriten mei gesach yn it geastlike. It skeel kin ûnder de ortodokse liedslju fan Spannum-Iens bydroegen hawwe oan in breder proses fan besinning op de religieuze teory en praktyk dat yn dizze tiid spilet.

Eringa en Noordmans wurde troch Wumkes beskreaun as riedjouwers en persoanlike freonen‘Longerhouw, dat hem een academie werd door den omgang met uitnemende Friezen als J.P. Eringa, S.J. Vellinga en Noordmans van Allingawier.’ G.A. Wumkes, ‘Felix’, yn: Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek. Diel 1 (1911) s. 857. fan in nije, rjochtsinnige dûmny dy’t yn 1848 nei Noardwest-Fryslân kaam, ds. Jan Wouter Felix (1824-1904). Yn 1848-1851 stie Felix te Longerhou-Skettens. Hy soe yn 1854 de Fryske stúdzje- en evangelisaasjeferiening ‘Vrienden van de Waarheid’ oprjochtsje, dy’t oant de tachtiger jierren fan ’e njoggetjinde ieu in ympuls levere hat oan it Reveil. Syn tsjinsten moatte drok besocht west hawwe, mei dêryn in grut oanpart fan ’e ortodokse boerestân út ’e omkriten.J.P. de Bie en J. Loosjes, red., Biographisch woordenboek van protestantsche godgeleerden in Nederland. Diel 3 (1919-1931) s. 35: ‘Spoedig ging er zulk een roep van hem uit, dat velen, soms van verre, te voet of per wagen bij hem ter kerke kwamen, zoodat bij elk der twee boeren, waar men bij gebrek aan een herberg moest uitspannen, geregeld 50 à 60 rijtuigen stonden.’ Hy brocht in mear ‘voorwerpelijk’ preekjen as reaksje op ‘onderwerpelijke’ eksessen, yn ’e wurden fan Wassenaar:

Voorwerpelijke predikanten trokken het volk meer en meer los uit de vaak ziekelijke zucht tot het bevindelijk ervaren van de waarheid. De onderwerpelijke prediking, die in de kringen van oefenaars en ook bij de ouderen van het Reveil grote invloed had gehad, moeten we op den duur meer buiten dan binnen de Hervormde Kerk zoeken. Met deze koerswijziging begon ook een proces van bewustwording van de Friese orthodoxie.J.D.Th. Wassenaar, ‘Het Friese Reveil in portretten’, Theologia Reformata 38:1 (1995) s. 35-45, 42. Webadres: http://www.digibron.nl/search/detail/012e36b5ab975e3c8bb3c7eb/het-friese-reveil-in-portretten. Krigen 15 maart 2017. De formulearring fan Wassenaar is hjir hast wurdlik deselde as de passaazje by Rudolf Jozef Staverman (OFM.), Volk in Friesland buiten de kerk (Van Gorcum, Assen 1954), s. 109 (beskikber op <http://images.tresoar.nl/wumkes/pdf/StavermanRJ_VolkFrieslandBuitenKerk.pdf>): ‘„voorwerpelijke” predikanten daarentegen verdiepten zich niet zozeer in de zielstoestanden van het gehoor, doch schonken meer aandacht aan de genade van God en trokken het volk geleidelijk los uit de vaak ziekelijke zucht naar het bevindelijk ervaren van de waarheid. Langs deze weg heeft het Fries Réveil een meer Gereformeerde koers gekregen en het is vooral Ds Felix geweest, die het in deze richting gestuurd heeft.’

Wumkes suggerearret dat Dirk Jacobs Noordmans der mei de hân yn hie dat dûmny Felix mear ‘voorwerpelijk’ preke. ‘Onze Friese professor’, sa’t Felix him ris neamde, soe him dêrta oanset hawwe.G.A. Wumkes, It Fryske Réveil yn portretten [1911] (A.J. Osinga, Boalsert, 1938), s. 130. W.V. van der Zwaag, ‘Het Friese Réveil III’, Reformatorisch Dagblad (20 april 1973), liket dat net mei him iens te wêzen en sjocht Felix just as in befynlik-ûnderwerplike predikant. Oer Dirk Jacobs Noordmans is net folle bekend. Myn ûndersyk yn ’e registers fan ’e Boargerlike Stân leart lykwols dat ek yn ’t beroppen fan dûmny Felix – dêr’t Longerhou-Skettens de earste gemeente foar wie – faaks ynfloed fan Noordmans herkend wurde mei. Dy wie fia syn dochter Wypkjen Dirks Noordmans (1819-1856) oantroud oan Siebren Jans Hofstra (1812-1860) en syn heit Jan Tjeerds Hofstra (1778-1855), de grutste eigenerfde boer te Longerhou mei in protte kontakten en yn ’t floreenstelsel in stim yn ’t kapitel as it op it beneamen fan dûmnys oankaam. Felix waard op 15 oktober 1847 troch de Nederlânsk Herfoarme gemeente fan Longerhou-Skettens beroppen, in lyts jier nei it ferskinen fan ‘De betsjoende boeredochter’.

Spitich is it dat Oepke Noordmans, sa’t er yn 1910 oan Wumkes witte litten hat, him neat oer syn âld-omke Dirk Jacobs Noordmans yn it sin bringe koe.J.D.Th. Wassenaar, ‘Het Friese Reveil in portretten’, Theologia Reformata 38:1 (1995) s. 35-45, s. 36-37. ‘Maar is het geen zonde en jammer, dat er nu niet meer een flauw beeld getekend kan worden van de oude Noordmans van Allingawier …?’ skriuwt Wumkes oan D.P. Noordmans op 25 april 1910. Yn ’e rige ‘It Fryske Reveil yn portretten’ fan Wumkes yn it tydskrift Yn ús eigen tael mist in portret fan Dirk Jacobs Noordmans. Eins it iennichste dat oer him dúdlik wurdt, is dat er it al te befynlike en ûnderwerplike te liif woe. ‘Jimme sitte ek altiten yn jimsels om te klauwen; gean mei jimme kâlde fuotten nei it fjoer Christi’, sei er dan. En tsjin de ûnderwerpliken, dy’t, seit Wumkes, ‘ivich sa bekommere stiene’: ‘Jimme binne my fiersten te krap yn de skuon’.J.D.Th. Wassenaar, ‘Het Friese Reveil in portretten’, Theologia Reformata 38:1 (1995) s. 35-45, s. 38.

Fia syn freonskip mei Jan Piers Eringa en sjoen it feit dat de húshâlding fan syn ferstoarne jongere broer Pier Jacobs Noordmans (1797-1834) dêr buorke, sil er syn ynfloed hân hawwe yn Spannum en Iens. Hy wie tasjend fâld oer de bern fan syn skoansuster Antje Jans Rispens (1795-1857).Minuut-akten 1838-1840, archiefnummer 26, Notarieel archief - Tresoar, inventarisnummer 140010, aktenummer 00004. Gemeente: Hennaarderadeel. Stiet dêr as ‘Dirk Jacobs de Boer’ te Allingawier. De widdofrou fan Pier Jacobs stie der yn Spannum allinnich foar mei har bern Ymkje (1822-1851), Grietje (1824-1881), Jan (1827-1913) en Dirk (1828-1907).Jiskje (1818-1864) en Jacob (1820-1896) wiene it hûs al út. Se hienen in foar dy tiid grutte hierpleats.Doe’t der yn 1855 boelguod hâlden waard, wienen der tweintich kij (Leeuwarder Courant 13, 24 en 27 april 1855). De húshâlding hierde pleats en lân (Leeuwarder Courant, 10 septimber 1852); de pleats hie stimnûmer 25 yn Spannum. Lykwols gie Antje yn 1844 – doe’t dochter Ymkje wat leeftyd oanbelanget, se wie doe 22, oan trouwen ta wie – it fallisemint yn, wêrby’t bliken die dat se in hypoteek hie by har sweager Dirk Jacobs Noordmans.Minuut-akten 1844, archiefnummer 26, Notarieel archief - Tresoar, inventarisnummer 140019, aktenummer 00066. Gemeente: Hennaarderadeel. De akte sels is net oanwêzich.

Op 13 maaie 1848 moat it op de pleats grut feest west hawwe, want op dy dei trouden sawol Jan (mei Hotske Willems Seffinga) as Ymkje har jongere suster Grietje (mei Pier Jans Eringa, de iennichste soan fan Jan Piers Eringa). In soan fan dy lêste twa, Ulbe Piers Eringa (1866-1950), sil letter as emigrant yn Amearika oantinkens oan ’e húshâlding fan syn mem optekenje.Brian W. Beltman, Dutch farmer in the Missouri valley. The life and letters of Ulbe Eringa, 1866-1950 (Urbana, University of Illinois Press 1996). Oer syn muoike Ymkje, de âldere suster fan syn mem, docht de fierder tige krekte Eringa in wat nuvere meidieling. Hy neamt har ‘Femke’ en skriuwt oer har: ‘died at 23, and died a short time before her marriage to a neighbor’s son, Wierd Douwes Hýlarides’.Brian W. Beltman, Dutch farmer in the Missouri valley. The life and letters of Ulbe Eringa, 1866-1950 (Urbana, University of Illinois Press 1996), s. 238. Mar fan in ‘Femke’ as dochter fan Pier Jacobs Noordmans en Antje Jans Rispens is yn de Boargerlike Stân gjin sprake, it giet om Ymkje. Ymkje wie boppedat net 23 mar 29 jier âld doe’t se op 2 desimber 1851 kaam te ferstjerren. De oarsaak fan har dea is net oerlevere. Se wie ‘ongehuwd’, seit it befolkingsregister.Overlijdensregister 1851, archiefnummer 30-18, Burgerlijke Stand Hennaarderadeel - Tresoar, inventarisnummer 3009, blad 027. Gemeente: Hennaarderadeel. Periode: 1851.

Ek de fermelding dat se trouwe soe, rint yn it each. Wierd Douwes Hilarides (1825-1891) wie de âldste soan fan de Spannumer boer Douwe Wierds Hilarides (1796-1873), om 1840 hinne tsjerkfâld fan Spannum-Iens.1839 Wommels, notaris W.K. Hoekstra. Koopakte. Betreft de verkoop van 1/2 gedeelte in een huizinge, bouw- en griedland te Spannum, koopsom fl. 550. - Foeke Lieuwes Wynia te Zweins, verkoper; woonachtig op Kingmatille onder Zweins; - Bauke Sybrens Bakker, boer te Spannum, koper in kwaliteit als kerkvoogd; - Douwe Wierds Hylarides, boer te Spannum, koper in kwaliteit als kerkvoogd; - Pieter Ages Jongema, boer te Spannum, koper in kwaliteit als kerkvoogd. Bron: Toegangsnr. : 26. Inventarisnr.: 140010. Repertoirenr.: 26 d.d. 21 mei 1839. Oare tsjerkfâlden wiene Bauke Sybrens Bakker (1773-1862), in eigenerfde boer, en boer Pieter Ages Jongema (1761-1845). It wie dat selskip fan mear liberale boeren dat yn 1824 de bakkerij yn Spannum oan Waling Dykstra syn heit ferhierde en dat nei 1840 ek syn hierbaas wie.Tsjerkfâld Bauke Sybrens Bakker skreau yn 1824 in brief oan G.W. Dijkstra. Tresoar, Waling map 35. Befynlike Spannumer boeren as Jan Piers Eringa en de Noordmansen tsjerken net yn Spannum en Iens fanwege de te ‘lichte’ dûmny Adriani; in houlik tusken in dochter út dy rûnte en in soan fan de ‘tsjinpartij’ sil net ûnomstriden west hawwe. It betide fers ‘Reinou’ fan Waling Dykstra, in tragysk ferhaal oer in ferbeane leafde yn it boerelân, hat in ferlykbere tematyk.In betide tekst fan Dykstra mei it tema fan it twongen boerehoulik is it gedicht ‘Reinou’, Swanneblommen (1851) s. 15-20; oer in weesbern dat fan har pake net mei Tjitte trouwe mei, en as se letter mei in oar de lapen gearsmite sil, wurdt se siik fan fertriet en komt se koart foar it houlik te ferstjerren. Dykstra woe it ferhaal letter net werprintsje. Fgl. tematyk yn it liet ‘It roaske en it bijke’ út De boeresionger. Ny Frîsk lieteboek for feinten en fammen (Telenga, Frjentsjer 1857), s. 6: ‘Ik seach in roas foar ’t finster stean; / ’t Pronke mei de moaiste kleuren, / Mar it like wol te treuren, / Want och, it hâlde ’t kopke skean, / En ’t sinnegluorkjen holp gjin bean.’ [omstavere]. Erfsoan Wierd Douwes Hilarides soe pas fjouwer jier nei de dea fan Ymkje trouwe, op 30-jierrige leeftyd yn 1855, mei de doe al 34 jier âlde Feikjen Rientses de Boer út Wolsum.

In ûngelokkich tafal wol dat Ymkje is kommen te ferstjerren op deselde dei dat yn ’e Leeuwarder Courant de earste advertinsje stie fan ’e Frjentsjerter drukker Ippius Fockens foar it nije boek fan Waling Dykstra, Winterjounen by Gealeboer, mei dêryn in werprintinge fan ‘De betsjoende boeredochter’.Leeuwarder Courant, 2 desimber 1851. Seis dagen letter, op 8 desimber 1851, ferstoar Waling Dykstra syn frou Hinke Jans Huizinga. Opmerklik is ek dat Ymkje har twa jier jongere suster Grietje har earste dochter net nei har mem Antje neamd hat, mar nei de mem fan har man (Trijntje). Yn dy tiid, en yn dat tradisjonele fermidden, wie soks ûngebrûklik.Net ien fan de bern fan Pier Jacobs Noordmans en Antje Rispens, Grietje ek net, hawwe in dochter Ymkje neamd.

Skriuwer en mienskip

Yn ’e tiid dat er yn Spannum as bakker fêstige wie, sa kin konkludearre wurde, hat Waling Dykstra de oergong makke fan ’e ortodoksy nei de teologyske middenposysje fan ’e Grinzer rjochting, in noch net werklik modernistysk tinken dat lykwols troch de weareld fan it Reveil ferfijd waard as in dwaling. Syn ferhaal ‘De betsjoende boeredochter’, in klucht mei ek romantyske en ‘gothic’ eleminten, lit him ynterpretearje as in earste oanwizing yn syn wurk fan dy ûntjouwing. It ferhaal stiet op it foarste plak yn in lange liberale tradysje fan rasjonalisme en folksferljochting-mei-humor. Hoewol’t it ynhâldlik gjin ferwizingen docht nei religieuze opfettingen, sprekke it oanheljen fan Balthasar Bekker en de suggestje dat it yn Spannum spylje kinne soe dúdlike taal. It boadskip is dat de rede in grutter plak yn it bestjoer fan de minske hawwe moat.

Nijsgjirrich út literêr- en religy-histoarysk eachweid wei is dat de skiednis mei de Doolhof-advertinsje en it boeredochterferhaal fan Dykstra yn ’e tiid folge wurdt troch in wer-oriïntaasje binnen de rûnte fan it Fryske Reveil yn ’e noardlike Greidhoeke, mei in feroaring fan klam op it foarwerplike boppe it tradisjoneel populêre ûnderwerplike preekjen. Dûmny Jan Wouter Felix wurdt troch Wumkes oanwiisd as dyjinge dy’t dêr yn Longerhou in begjin mei makket, wat yn ferbân brocht wurdt mei syn omgong mei de Ienser boer en leke-teolooch Jan Piers Eringa en de Allingawierster boer en leke-teolooch Dirk Jacobs Noordmans. It leit yn ’e rede dat it ferhaal fan Waling Dykstra dy lêste yn ’e holle omspoeke hat yn it jier dat ‘De betsjoende boeredochter’ ferskynde en de freonskip mei Felix ûntstie. Sit it rasjonalisme fan Balthasar Bekker, oait predikant te Easterlittens, sa dochs ek net in lyts bytsje ferfrissele yn it oanbegjin fan it Fryske Reveil?

Oantekene moat wurde dat de Reveil-skiednis foar in grut part ta ús komt fia – dûmny – Wumkes, dy’t noch op it mêd fan ’e religyskiednis, noch op dat fan ’e Fryske literatuerskiednis in ûnôfhinklik waarnimmer wie. Wumkes wie beroppen as ortodoks predikant yn Snits, hie fan hûs út sympaty foar de idealen fan it Reveil en wie in foarstanner fan ienheid yn ’e Nederlânsk Herfoarme tsjerke.G.R. Zondergeld, ‘Wumkes, Geert Aeilco (1869-1954)’, yn: Biografisch Woordenboek van Nederland. Webadres:http://resources.huygens.knaw.nl/bwn1880-2000/lemmata/bwn2/wumkes [12-11-2013]. Krigen 18 maart 2017: ‘Een oprecht vroom gemoed achtte hij van meer betekenis dan strenge leerstelligheid. Vandaar zijn grote belangstelling voor het Réveil, die tot uiting kwam in zijn eerste grote Friestalige publikatie, It Fryske Réveil yn portretten.’ Oer Wumkes as histoarikus, sjoch Johan Frieswijk, ‘Geert Aeilco Wumkes: paadwizer voor Friese historici’, yn: Ph. Breuker, G. Jensma en H. de Jong, red., Geschiedschrijving 1900-1940, in het bijzonder over Friesland (Verloren, Hilversum 2013) s. 63-84. Tagelyk ûntjoech er him as in belangrike krêft yn ’e kristlike Fryske beweging. Yn 1916 skreau er oer de nije ûntjouwingen yn ’e Fryske literatuer oan Oepke Noordmans: ‘Ik tracht de stroom te leiden en zoveel mogelijk ook dienstbaar te maken aan het evangelie … .’J.D.T. Wassenaar, Noordmans in Friesland. Bijdrage tot de biografie van een kerkvader (Boekencentrum, Zoetermeer 1999), s. 73 (beskikber op UvA Dare <https://pure.uva.nl/ws/files/3350807/4193_UBA003000180_007.pdf>). Noordmans woe er oerhelje en doch mei: ‘Ik zou zo graag zien dat ge ook daaraan medewerktet. Het volk wil zijn eigen taal lezen en grijpt naar die boekjes met gretige hand. De Friese taal in dienst van het Evangelie! (...) Ik weet wel, het Fries-schrijven is niet gemakkelijk, maar het opent terreinen, die tot dusverre geheel zijn overgelaten aan Nutsmensen en Neutralisten. De orthodoxie klungelt in alles zo achteraan.’J.D.T. Wassenaar, Noordmans in Friesland. Bijdrage tot de biografie van een kerkvader (Boekencentrum, Zoetermeer 1999), s. 73 (beskikber op UvA Dare <https://pure.uva.nl/ws/files/3350807/4193_UBA003000180_007.pdf>).

Tsjinstber oan it Reveil hat Wumkes grif west; Wassenaar notearret dat syn portretten ‘romantische of zelfs hagiografische trekken’ hawwe; Wumkes sels jout ta dat er hjir en dêr idealisearre hat.J.D.Th. Wassenaar, ‘Het Friese Reveil in portretten’, Theologia Reformata 38:1 (1995) s. 35-45, s. 37. Fan belang hat er ek west foar it byld dat letter fan Waling Dykstra syn skriuwerskip sketst is, mei syn portret dalik nei dy syn ferstjerren.G.A. Wumkes, ‘Waling Dykstra; 14 aug. 1821-15 jan. 1914’, De Vrije Fries 22-1 (1914) s. 92-104. Dêryn hat er de klam lein, net op de engazjearre literatuer mar op it ‘fermoanjen’, it moraalpreekjen fan ’e folksskriuwer. Sa kin it Winterjounenocht it lichtsinnige spegelbyld wurde fan it preekjen fan ’e Reveil-minsken:

Zooals de Friesche ‘waarheidsvrienden’ met hun bidstonden voor Israël bedekte propaganda maakten voor de orthodoxie, zocht Waling zijn vrijzinnige denkbeelden te verspreiden door het voordragen van vroolijke rijmstukken en samenspraken.G.A. Wumkes, ‘Waling Dykstra; 14 aug. 1821-15 jan. 1914’, De Vrije Fries 22-1 (1914) s. 92-104, s. 93.

Dat Dykstra mear die as inkeld ‘vrijzinnige denkbeelden te verspreiden’ of grappen te ferkeapjen, nammentlik sosjale krityk útoefene op yn syn eagen oerlibbe maatskiplike ferhâldingen, mentaliteiten en oertsjûgingen, dêr’t gewoane minsken it slachtoffer fan wienen en waarden, is foar Wumkes net oan ’e oarder. Leaver wol er út ’e befynlike Fryske boerestân it type fan ’e ortodoks-protestantske hillige destillearje, ‘ … een Friese Adam Bede’, sa neamt er yn in brief oan Oepke Noordmans dy syn heit Dirk Piers Noordmans.J.D.T. Wassenaar, Noordmans in Friesland. Bijdrage tot de biografie van een kerkvader (Boekencentrum, Zoetermeer 1999), s. 33 (beskikber op UvA Dare <https://pure.uva.nl/ws/files/3350807/4193_UBA003000180_007.pdf>). Adam Bede is de personifikaasje fan ’e ideale kristen en fan wat George Eliot, de skriuwer fan ’e Viktoriaanske bestsellende roman Adam Bede (1859) yn in brief neamt ‘the inward life of sincere Christians in all ages’.Rohan Maitzen, ‘Realism and research in Adam Bede’. Webadres: https://www.bl.uk/romantics-and-victorians/articles/realism-and-research-in-adam-bede#sthash.V62fj4iC.dpuf. Krigen 18 maart 2017. Iroanysk is wol dat Eliot sels it leauwe al opjûn hie doe’t se har súksesroman skreau. Lykas Waling Dykstra wie se foarstanner fan realistyske literatuer. Har ‘most rooted conviction’, skreau se yn deselde brief, ‘is, that the immediate object and the proper sphere of all our highest emotions are our struggling fellow-men and this earthly existence.’

Sa betsjut Dykstra syn perioade yn Spannum net allinnich it begjin fan in konflikt mei de ortodoksy mar ek dat fan in iensidige wurdearring fan syn wurk yn ’e Fryske skriftekennisse. Tsjin de beskuldiging it leauwe mei de gek te beslaan, in ‘spotter’ fan it leauwe te wêzen, hat er him al dalik ferset mei pleiten foar de autonomy fan maatskippijkrityske literatuer, bygelyks yn ’e foaropwurden fan It heamiel by Gealeboer (1850), Winterjounen by Gealeboer (1851) en noch yn 1908 by in werútjefte fan ’e Thyl Ulespegel. Net ‘the inward life of sincere Christians’ stie foar Dykstra foarop, sa as letter by Wumkes; hy hat mear omtinken hân foar de sosjale opdracht dy’t kristenen hawwe, om har leauwe yn ’e maatskiplike praktyk te bringen. Om foar te kommen dat er noch mear problemen krije soe, hat er yn ’e fyftiger en sechstiger jierren wol publisearre ûnder in skriuwersnamme. It belangrike ferhaal ‘De winskhoed fan Fortunatus’ yn ’e earste jiergongen fan De Fryske Húsfreon gie ûnder de namme ‘Japik Japiks’.Yn syn brief oan Van der Meulen seit Dykstra dat hy de skriuwer fan ‘De winskhoed fan Fortunatus’ is. Wumkes, Bodders, s. 373: ‘As jy 't yet net opmirken hawwe dat dat myn eigen wirk is, den wirde 't nou wiis; dat ik dit oender in falske namme doch, is derom dat it oafdeel fen da lêzers onpartidiger wêze scil, en dat myn dorpsljue hjar der sa gau net oan steure.’ Boppe ien fan de ôfleveringen fan 1851 stiet in sitaat út de Jezus Sirach, in apokrief learboek fan it betide kristendom dat bûten de Bibel bleaun is: ‘Wanneer gij weldoet, doe het zonder berisping, en laat uwe gift van geene bedroevende reden vergezeld zijn. Is het niet de dauw, die de brandende hitte afkoelt?’

 

Ut dit essee sitearje kin sa: De Vries, Abe. “De betsjoende boeredochter: Skriuwer en mienskip yn it Spannum fan Waling Dykstra” Fers2. Abe de Vries & Friduwih Riemersma, 7 maaie 2017. Web. Dei moanne jier dat it essee krigen is.