name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

De frijtinker fan Ferwert

Fan frijsinnich liberaal ta humanistysk radikaal:
Pieter Minnes Westra (1851-1919)

Abe de Vries - Fers2 4.16, 21 oktober 2018

 

pieter westra image

 

 

Foar in grut part moat de Fryske njoggentjinde-ieuske parseskiednis noch skreaun wurde. It bytsje Fryske arbeidersskiednis neamt de ‘sosjalistyske propagandisten’ sûnder niget. It byld is dat der yn it ‘sosjalistysk kamp’ mar ien ‘oare maatskippij skildere’ waard.Sjoch bygelyks Johan Frieswijk, ‘Friezen en de ontwikkeling van landarbeidersorganisaties in Nederland’, 1889-1940, lêzing 1995, VHV, g.d. <https://www.vakbondshistorie.nl/dossiers/friezen-en-de-ontwikkeling-van-landarbeidersorganisaties/> [krigen 19 oktober 2018]. Neat is minder wier. It Friesch Volksblad fan Oebele Stellingwerf en Waling Dyskstra, in opinytydskrift dat fan juny 1876 ôf earst op sneins ferskynde en letter ek op woansdeis, skode troch de libbene diskusje fan in ferskaat oan skriuwers op fan in liberaal nei it sosjalistyske profyl. It blêd, mei korrespondinten en meiwurkers yn ferskate doarpen en stêden wjerspegele de botsingen, yn de lêste desennia fan de njoggentjinde ieu, tusken liberaal en klerikaal, en progressyf en konservatyf. It levere striid tsjin klassejustysje en konfesjonele polityk, en foar sosjale gerjochtichheid, iepenbier ûnderwiis en algemien stimrjocht. Yn de njoggentiger jierren waard it de sprekbuis fan de Friesche Volkspartij (1886-1900). It die dat yn it Hollânsk, mar as iennichste krante yn Fryslân ek yn it Frysk. Trochstreeks wie wol sa’n 30 persint fan de bydragen skreaun yn de minderheidstaal.

Ien fan de nijsgjirrichste opinyskriuwers yn it Friesch Volksblad is ‘Ad Astra’ (nei de stjerren). Efter de nom de plume, yn dy tiid gjin frivoliteit foar reade skriuwers, giet de Multatuli-kritikus, en lettere siktaris fan it bekende Amsterdamske frijtinkersblêd De Dageraad, Pieter Minnes Westra skûl (1851, Dokkum - 1919, Amsterdam). Pieter Westra komt yn de Fryske kultuerskiednis hielendal net foar. Dat is opmerklik, sjoen it feit dat er sawol op regionaal Frysk as op nasjonaal Nederlânsk nivo aktearre mei yn it each rinnende solide stikken en goed ûnderboude stânpunten.

Ut de befolkingsargiven docht bliken dat Pieter it âldste bern wie fan de Ryptsjerkster boeresoan Minne Feitzes Westra (1815-1871) en de Westergeaster smidsdochter Bontje Pieters Smedinga (1818-1900).Sjoch ek Menno de Lange en Reid van der Leij, ‘Parenteel van Keimpe Feitzes’, Genealogysk Jierboek 2009 (Fryske Akademy, Ljouwert 2009). Syn heit waard gjin boer, mar ‘grutter’ yn Feanwâlden en Dokkum en wie letter ‘gruttersknecht’ op ’e Gordyk, yn Frjentsjer en yn Snits. Wylst de fyftiger jierren in tiid wienen fan ekonomyske opgong, wie Westra sr. dus just in sosjale delgeander.

Mar Westra’s heit koe in liening krije, yn 1864, fan notaris Christiaan Houdijn Beekhuis fan Bûtenpost, fan 800 gûne.Christiaan Houdijn Beekhuis (1814-1885) wie troud mei Geesje Feddes (1831-1882), dy’t yn 1870 in brosjuere oer de ûngelikense rjochtsposysje fan troude froulju publisearre (Eene vrouw, Gelijk recht voor allen!, Leeuwarden 1870) en as ien fan de earste Nederlânske feministes jildt. De gemeentesiktaris fan Ferwerderadeel Jan Hendrik Heijmans (1813-1874) – de heit fan de lettere heechlearaar psychology yn Grins Gerard Heymans (1857-1930) – wie har omke. Sadwaande kin Pieter Westra trochleare, oan de normaalskoalle yn Snits, foarrinder fan de kweek.Haadûnderwizer oan de Snitser normaalskoalle wie ‘den zeer bekwamen en algemeen beminden hoofdonderwijzer Visser’ (Leeuwarder Courant, 26 july 1867). Jan Visser (1815-1905), ‘[d]e geridderde nestor der Nederlandsche onderwijzers’, wurke fan 1859 oant 1896 (doe ‘op ruim tachtigjaren ouderdom’) oan dizze skoalle. Nieuwe Veendammer Courant (1 septimber 1896). De liberaal Visser stie as begjinnend ûnderwizer te Dunegea, dêr’t letter de Fryske skriuwer Hjerre Gerrits van der Veen ien fan syn opfolgers wurde soe. Hy wie ‘lid van verdienste’ (1891) fan it Nederlandsch Onderwijzers-Genootschap. Foar in koarte libbensskets, sjoch G.A. Wumkes, ‘Visser, Jan’, yn: P.C. Molhuysen en P.J. Blok, red., Nieuw Nederlandsch biographisch woordenboek. Dl. 4 (Sijthoff, Leiden 1918). Nei syn heite dea yn 1871 komt er foar de klasse te stean. Hy stiet dan earst ynskreaun mei mem en ien of twa susters yn Feankleaster (1872), Twizel (1873) en Ikkerwâld (1874), dêr’t er ûnderwizer is (‘hulponderwijzer’). Syn mem komt as ‘arbeidster’ yn ’e boeken. Yn Ikkerwâld is er in entûsjast lid fan de rederikerskeamer Demosthenes fan Damwâld en kriget er kunde oan de Fryske skriuwer en notarisklerk Johannes Baarda, in freon fan Waling Dykstra. Dêrnei stiet er as ûndermaster oan de iepenbiere skoallen fan Wierum (1875-1877) en Ferwert (1877-1881).

Begjin 1882 ferhuzet er nei Amsterdam, nei’t er yn Fryslân fiif kear fergees sollisitearre hat.Westra hat sûnder risseltaat sollisitearre nei de post fan haadûnderwizer yn Nes (Westd.) (Leeuwarder Courant, 24 july 1879), Hoarnstersweach (Nieuws van den Dag, 9 jannewaris 1880), Brantgum (Nieuws van den Dag, 24 jannewaris 1880), Hegebeintum (Nieuws van den Dag, 14 juny 1880) en Raerd (Westd.) (Nieuws van den Dag, 15 novimber 1881). Beneaming yn Amsterdam yn: Algemeen Handelsblad (13 novimber 1881); Nieuws van den Dag (14 novimber 1881). Hy krijt in oanstelling as ûnderwizer oan de iepenbiere legere skoalle nû. 26, oan de Egelantiersstraat yn de Jordaan. De haadûnderwizer dêr is G. Huges. Mar al nei noch gjin jier, yn septimber 1882, nimt er om ûnbekende redenen ûntslach. Syn berop is letter boekhâlder.

Westra en Multatuli

It earste skriuwen dat ik fan him oantroffen haw is in ynstjoerd brief yn de Leeuwarder Courant mei as titel ‘Vakantiën wegens IJsvermaak’.P. Westra, ‘Vakantiën wegens IJsvermaak’, Leeuwarder Courant (13 febrewaris 1876). It giet oer it ‘al of niet wenschelijke van het vakantie-geven aan de schooljeugd ten tijde van sterk ijs’; de skriuwer is in waarm foarstanner fan sok frij jaan. Westra wie doe ûnderwizer yn it rjuchtsinnige Wierum, dêr’t de frijsinnige dûmny Albertus M. Bokma de Boer – de heit fan Sjoukje Bokma de Boer, de lettere skriuwster Nynke fan Hichtum en frou fan Piter Jelles Troelstra – op ’e kânsel stie en it measte folk sneins by de ôfskiedenen yn Ternaard tsjerke.

Ut dyselde winter datearret syn earste skriuwen oer Multatuli, publisearre yn Het Schoolblad.P. Westra, ‘Deskundigen en Vakgeleerden’, Het Schoolblad 10 (15 febrewaris 1876); opnij printe yn P. Westra, ‘Deskundigen en vakgeleerden. Duizend-en-eenige Hoofdstukken over Specialiteiten door multatuli. Tweede druk. Delft, J. Waltman Jr. 1875.’, yn Multatuli, Volledige werken, Dl. 18, Brieven en dokumenten uit de jaren 1875-1877, red. Stuiveling, Dongelmans en Van den Bergh (Van Oorschot, Amsterdam 1987), 268-271, digitalisearre op DBNL <https://www.dbnl.org/tekst/mult001gstu21_01/mult001gstu21_01_0124.php> [krigen 21 oktober 2018]. It is in koart besprek fan Duizend-en-eenige hoofdstukkenMultatuli, Duizend-en-eenige hoofdstukken over specialiteiten (2e pr.; J. Waltman Jr., Delft 1875). en fêstiget it omtinken op Multatuli’s stelling nimmen tsjin it idee dat men inkeld meiprate mei oer itjinge men spesjalist yn is. Merk op dat dat in politykfilosofysk fraachstik is dat yn it hert fan de demokrasy leit, ek hjoed, want moat de wittenskip en privilezjearre kennis de wrâld bestjoere, of de minske dy’t ekspert is op it mêd fan syn eigen omstannichheid en ferlet? De lêsten; en benammen ûnderwizers kinne dêr fan leare, wol Westra hawwe:

Multatuli is de bondgenoot der onderwijzers. Wij weten, hoe dikwijls er klachten worden aangeheven over de weinige belangstelling van ons Volk in de zaken van algemeen belang, en hoe men wijst op het onderwijs, als middel om de kennis van onze staatsinrichting en maatschappelijke toestanden meer algemeen te maken. Men weet ook, hoe vele staatsburgers beweren, dat hun beroepsbezigheden hen geen tijd laten tot bemoeienis met de publieke zaak. Zij worden door Multatuli eigenaardig terecht gewezen.P. Westra, ‘Deskundigen en Vakgeleerden’, Het Schoolblad 10 (15 febrewaris 1876); opnij printe yn P. Westra, ‘Deskundigen en vakgeleerden. Duizend-en-eenige Hoofdstukken over Specialiteiten door multatuli. Tweede druk. Delft, J. Waltman Jr. 1875.’, yn Multatuli, Volledige werken, Dl. 18, Brieven en dokumenten uit de jaren 1875-1877, red. Stuiveling, Dongelmans en Van den Bergh (Van Oorschot, Amsterdam 1987), 268-271, 270, digitalisearre op DBNL <https://www.dbnl.org/tekst/mult001gstu21_01/mult001gstu21_01_0124.php> [krigen 21 oktober 2018].

Ut it brief kin men, neist in skerp ynsjoch yn de matearje, opmeitsje dat Westra grutte wurdearring hat foar Multatuli: ‘In al zijne werken strijdt Multatuli, met ongeëvenaard talent tegen bekrompenheid, sleur, dorheid van ziel, verwaarlozing van de vermogens waarmede wij zooveel zouden kunnen genieten, dat nu ongebruikt verloren gaat’.P. Westra, ‘Deskundigen en Vakgeleerden’, Het Schoolblad 10 (15 febrewaris 1876); opnij printe yn P. Westra, ‘Deskundigen en vakgeleerden. Duizend-en-eenige Hoofdstukken over Specialiteiten door multatuli. Tweede druk. Delft, J. Waltman Jr. 1875.’, yn Multatuli, Volledige werken, Dl. 18, Brieven en dokumenten uit de jaren 1875-1877, red. Stuiveling, Dongelmans en Van den Bergh (Van Oorschot, Amsterdam 1987), 268-271, 270-271, digitalisearre op DBNL <https://www.dbnl.org/tekst/mult001gstu21_01/mult001gstu21_01_0124.php> [krigen 21 oktober 2018].

It jier dêrnei is er ûnderwizer te Ferwert. Dat is in grutter doarp mei sûnt 1865 neist in iepenbiere ek in kristlike skoalle en yn de gemeente Ferwerderadeel hearsket yn de jierren om 1880 hinne in ‘hevige partijdstrijd’Leeuwarder Courant (26 july 1879), yn in ferslachje oer de yntrede fan de nije boargemaster. tusken liberalen en konfesjonelen oer it iepenbier en kristlik ûnderwiis. Wat de achtergrûn fan de koertswiziging ek is, syn folgjende stik oer Multatuli is in stik kritysker oer de bûnsmaat fan de ûnderwizers. Yn 1877 hat er, yn oerienstimming mei earder utere krityk fan prof. J. van Vloten,J. van Vloten, Onkruid onder de tarwe. Letterkundige karakterstudie (W.C. de Graaff, Haarlem 1875). gâns op te merken oer Multatuli’s selsferhearliking en guon fan syn konservative politike ideeën oer folksfertsjintwurdiging en keningskip.P. [Westra], ‘E. Douwes Dekker, gezegd Multatuli, uit zijn geschriften beoordeeld’, De Levensbode 10 (novimber 1878); skreaun yn 1877. Fragminten opnaam yn Multatuli, Volledige werken 18, 748-762. Yn maart, doe noch yn Wierum, hie er al in lilk briefke nei it eardere foarwerp fan bewûndering stjoerd:

Staak een wijl uw Wouter Pieterse-verhaal, zet u neder, en hoor wat ik tot u te zeggen heb. (..)
Uw werken wemelen van leugens; leugen is daarvan de grondtoon. Gij zijt een tijger, die zijn prooi in een hinderlaag lokt, –liefst tusschen bloemen met bedwelmenden geur – en hem als dan bespringt. Gij zijt een slang gelijk, die zijn slachtoffer eerst vergiftigt, dan met uw slijm overdekt om hem daarna te verslinden. (Hiermede doel ik in ’t bijzonder op uw smaden van Thorbecke).

Gij zijt een orang-oetang die den menschenzoon nagrijnst en dit is de sleutel van uw ‘talent’. Gij zijt een monster, zoo afschuwelijk er ooit een was.P. Westra, ‘Brief aan Multatuli, 20 maart 1877’, yn Multatuli, Volledige werken, Dl. 18, Brieven en dokumenten uit de jaren 1875-1877, red. Stuiveling, Dongelmans en Van den Bergh (Van Oorschot, Amsterdam 1987), 649-650, digitalisearre op DBNL <https://www.dbnl.org/tekst/mult001gstu21_01/mult001gstu21_01_0338.php> [krigen 21 oktober 2018].

Foaral it skimpen fan Multatuli op de liberale held Thorbecke – yn de Ideeën nrs. 311-317, 399, 451-452, 969 en 979 – falt by Westra blykber ferkeard.H.A. Gomperts, ‘Multatuli contra Thorbecke’, yn: Intenties 2, Amsterdam, s.j., 91-96; K. ter Laan, ‘Thorbecke, Jan Rudolf’, yn: K. ter Laan, Multatuli Encyclopedie (Sdu, Den Haag 1995). Ek de hunende kommentaren oer Nederlân en it Nederlânske folk kinne by him gjin besjen lije. Yn 1878 hat er in ynstjoerd stik yn Oostergo wêryn’t er yngiet op Multatuli’s (sels)byld fan Jezus en syn krityk op ‘de moderne predikanten’. Multatuli sjocht del op it kristendom en syn skriuwen is in besykjen om ‘aan te toonen dat hij zelf eigenlijk de ware Messias is’.Ingezonden stuk fan P. Westra in Oostergo, 9 maart 1878, opnaam yn Multatuli, Volledige werken, Dl. 19. Brieven en dokumenten uit de jaren 1878-1879, red. Stuiveling, Dongelmans en Van den Bergh (Van Oorschot, Amsterdam 1989), 284, digitalisearre op DBNL <https://www.dbnl.org/tekst/mult001gstu22_01/mult001gstu22_01_0173.php> [krigen 21 oktober 2018].

Fjouwer dagen nei de datearring ûnder it negative stik yn Oostergo lykwols, is bewûndering te priuwen út syn stik ‘Dorps-idylle’ dêr’t er in oantinken yn ophellet oan in sprekbeurt fan Multatuli yn de seal fan Van der Wielen yn Ljouwert op 13 maart 1878, en yngiet op dy syn natuerlike, earlike praatstyl.P. Westra, ‘Dorps-idylle’, De Dageraad 8:9 (1887) 199-200, opnaam as ‘Herinnering van P. Westra inzake de lezing te Leeuwarden’, yn Multatuli, Volledige werken, Dl. 19. Brieven en dokumenten uit de jaren 1878-1879, red. Stuiveling, Dongelmans en Van den Bergh (Van Oorschot, Amsterdam 1989), 309, digitaliseaare op DBNL <https://www.dbnl.org/tekst/mult001gstu22_01/mult001gstu22_01_0190.php> [krigen 21 oktober 2018]. No hat er it oer de fassinearjende ‘woorden des grooten Meesters’ dy’t er nei ôfrin trochfertelle mocht oan ‘een clubje jongeren’ yn it doarp dêr’t er wenne, ‘4 uren van Leeuwarden gelegen’, Ferwert. Yn 1882 publisearret er in stik mei taalkundige opmerkingen oer it wurk fan ‘den genialen Multatuli’; yn 1883 is er ien fan de inisjatyfnimmers fan in tentoanstelling fan ‘Multatuliana’ yn Amsterdam.

Mar, ek letter yn Westra’s Amsterdamske jierren, bewûndering en krityk wikselje inoar ôf. As it komt ta yn in lytse polemyk mei Hendrik Clemens Muller, frijtinker, sa’t men de antydogmatyske, ateïstyske, humanitêre en solidêre ideology neamde, en bestjoerslid fan de Amsterdamske frijtinkersferiening De Dageraad–-noch altyd aktyf—hâldt Westra likegoed fêst oan eardere krityk op Multatuli’s politike tinken. En yn 1887, hy sit dan sels yn de redaksje fan it tydskrift De Dageraad, pleatst er yn dat blêd in, anonime, ferneatigjende krityk op de Minnebrieven, dy’t earder publisearre wie yn de Gravenhaagsche Nieuwsbode fan 25 augustus 1861. It liket derop dat it wurk fan de ‘orang-oetang’ him dochs libbenslang dwaande holden hat. Yn 1910 komt er noch mei in monografy oer mooglike beynfloeding fan Multatuli troch de Frânske skriuwer en sjoernalist Jean-Baptiste Alphonse Karr.P. Westra, Over Multatuli als auteur, in het bijzonder als navolger van Alphonse Karr (Slothouwer, Amersfoort 1910). Neffens prof. C.G.N. de Vooys – in bewûnderer fan Multatuli – nimt it yn de Multatuli-literatuer in ‘zeer bescheiden plaats’ yn.C.G.N. de Vooys, ‘Boekaankondiging’, De Nieuwe Taalgids 4 (1910) 316-317. Sjoch ek Nop Maas, ‘Als een priester en zijn preekstoel. Multatuli en het tijdschrift De Dageraad’, yn: Peter Derkx e.o., red., Voor menselijkheid of tegen godsdienst? Humanisme in Nederland 1850-1960 (Verloren, Hilversum 1998) 69-83.

Westra en De Dageraad

Fan 1887 oantemei 1895 sit Pieter Westra yn de redaksje fan De Dageraad tusken klinkende nammen lykas ateisme-aktivist en foarfjochter fan frouljusrochten Titia van der Tuuk. Tagelyk is er fan 1887 oantemei 1892 ek siktaris en twadde siktaris (earste siktaris wie fan 1890 ôf Ten Bokkel) fan de feriening De Dageraad. Hy fersoarge de lede-administraasje en ek de ferkeap fan it blêd en oare Dageraad-útjeften oan boekhannels en partikulieren út syn hûs wei oan ’e Rozengracht, yn de earmste buert fan Amsterdam. Ek regele er de advertinsjes foar De Dageraad, ûnder mear yn Recht voor Allen, en wie er fan 1891 oantemei 1895 ûnder eigen namme útjouwer fan, en boekhanneler yn, ûnderskate propaganda-publikaasjes foar de frijtinkerij.Under mear joech er út: Een geschiedenis der slavernij (P. Westra, Amsterdam 1891); Dr. Polis, Moederschap naar verkiezing. Een nieuw en hygiënisch voorbehoedmiddel (2e pr.; P. Westra, Amsterdam 1892); Engelszoon, De Schepping van Hemel en Aarde (2e pr.; P. Westra, Amsterdam 1892); Ad Astra, Sociale politiek. Haar beginselen en haar uitgangspunt (P. Westra, Amsterdam 1894). De priiskatalogus fan syn Dageraad-boekhannel besloech yn 1891 sân siden. Nieuwsblad voor den Boekhandel 58-54 (7 july 1891). Foar 1891 joech de feriening De Dageraad sels boekwurkjes út. Sjoch ek Wouter Kuijlman, Metamorfoze vrijdenkers. Verantwoording van een collectie vrijdenkerspublicaties uit de periode 1855-1950. Doktoraalskripsje, Universiteit voor Humanistiek, Utert 2005, 58-59, dy’t sawol de útjou- as de bestjoersaktiviteiten fan Westra folslein oerslacht.

Om privee- en ferieningssaken te skieden, treedt er ein 1892 út it bestjoer fan de feriening.Bekendmakking troch it bestjoer yn Nieuwsblad voor den Boekhandel 59-99 (9 desimber 1892). Der klinkt krityk dat syn útjefte fan de brosjuere Moederschap naar verkiezing fan Dr. Polis rjochte wêze soe op ‘winstbejag’.‘Korrespondentie’, Recht voor Allen (11 novimber 1892). De krityk komt fan L.J. Vermeer, dy’t Westra ein dat jier opfolget as twadde siktaris en letter sels útjouwer is fan frijtinkerswurk. Sjoch ek: ‘Boekbeoordeeling’, Recht voor Allen (13 maaie 1892); Een getrouwe lezer, ‘Mijnheer de Redakteur!’, Recht voor Allen (26 oktober 1892). Westra syn frou wie ferloskundige; it is goed mooglik dat sy of hy sels achter it pseudonym Dr. Polis stuts. Dêr moat wol by sein wurde dat it tema fan de bertebeheining kontroversjeel wie en net yn de iepenbierens oan de oarder steld wurde koe, oant de Leiense heechlearaar Hector Treub der melding fan makke yn syn Leerboek der gynaecologie fan 1892. Propaganda foar antykonsepsje bleau yn earder tiid beheind ta de lytse rûnte fan de Nieuw-Malthusiaanse Bond en in inkelde dokter as Aletta Jacobs.Pieter E. Treffers, ‘Geboortedaling eind 19e en eerste helft 20e eeuw’, Nederlands Tijdschrift voor Geneeskunde (2009) 153-B44. Yn 1884 wie it Middelenboekje fan de Nieuw-Malthusiaanse Bond foar it earst ferskynd. De feministyske brosjuere fan Dr. Polis beklamme it rjocht fan de frou om foar swangerskip te kiezen ynstee fan der mei opseale te wurden en befelle dûbele antykonsepsje-maatregels oan, sawol foar de frou as de man.

Al mei al hat er seis jier lang lang it regelsintrum en oansprekpunt fan it blêd west. Wat tekstuele bydragen oanbelanget liket syn rol lykwols beheind. Mooglik binne wol de stikken ûnder de skriuwersnamme T.M. Overstra fan syn hân, dy’t har rjochtsje tsjin it absolút materialisme en it tsjustere taalgebrûk fan de konservative filosoof – en útsprutsen hater fan demokrasy, joaden, frijmitselders en arbeiders – Gerard Bolland.T.M. Overstra, ‘Nirwana Hartmanni’; ‘Stofjesmenschen en onbewuste wijsgeeren’, 1889; ‘Natuurwetenschap en hypothese’, 1892. Bolland reagearre yn in ‘Open brief aan den heer T.M. Overstra’ yn De Dageraad 13 (1891-1892), opnaam yn G.J.P.J. Bolland, Het wereldraadsel. Wijsgeerige verhandelingen (Adriani, Leiden 1896), 563-575. Sjoch ek: A.L. Constandse, ‘Een fase van verlichting’, De Gids 144 (1981). Yn syn redaksjeperioade, fan 1887 oant 1893, giet it mei De Dageraad berchop en kin it moanneblêd bûge op mear as tûzen abonnees.B. Gasenbeek et.al, ‘Honderdvijftig jaar vrijdenkersbeweging. Een encyclopedisch overzicht 1815-2006’, yn: B. Gasenbeek, J.C.H. Blom en J.W.M. Nabuurs, red., God noch autoriteit. Geschiedenis van de vrijdenkersbeweging in Nederland (Boom, Amsterdam 2006) 44. In begjinselferklearring út de alfte jiergong (1889-1890) jout oan wat de redaksje op it each hat:

Niet weifelend, maar wel met zekere schroom, namen wij verleden jaar de uiterst kiesche taak der redactie in handen (..). Toch wisten wij wat wij wilden: wij meenden in de eerste plaats, dat het vrije denken niet eindigt met het verwerpen van kerkelijke dogma’s (..). HUMANISTISCH! misschien zou het wenselijk zijn, dat wij dat woord op het titelblad plaatsten. Dit zou veel misverstand voorkomen.Regionaal Archief Zutphen, 0138 Inventaris van de collectie K.O. Meinsma (1865-1929). <http://www.regionaalarchiefzutphen.nl/archieven/details/NL-ZuRAZ-0138/descgrp/bioghist/withscans/0/start/0/limit/10/flimit/5/filters:ead.eadheader.eadid/NL-ZuRAZ-0138/section/content/path/26> [Krigen 12 oktober 2018].

Oan de groei komt lykwols yn 1893 in ein troch ynterne striid tusken sosjalisten en liberalen likegoed as tusken materialisten en deïsten yn de feriening, dy’t derop útdraait dat nochal wat lêzers it blêd de rêch takeare. De ôfdieling Rotterdam fan De Dageraad komt dat jier mei in eigen, minder yntellektueel blêd, De Vrijdenker. Op de jiergearkomste fan 27 oktober 1895 wurde op ’e nij fraachtekens set by it hanneljen fan Westra, no as ponghâlder. De ôfdieling Amsterdam wurdt oanwiisd ‘om een kommissie te benoemen, teneinde te onderzoeken in hoever Westra oneerlijk had gehandeld’. Yn dyselde moanne rommet er mei adfertinsjes yn kranten syn boekhannelsfoarried op. Uteinlik is yn 1897, as it blêd De Dageraad ophâldt te bestean, allinnich SDAP-oprjochter Adriaan Gerhard as redakteur noch oer.

Westra yn it Friesch Volksblad

Fan 1878 ôf oppenearret Westra him ek yn it Friesch Volksblad. Hy ûnderskriuwt syn bydragen ynearsten mei P.W., P.M.W. of P. Westra, en fan de simmer fan 1879 ôf tekenet er mei ‘Ad Astra’. Dy skriuwersnamme (dy’t lykas ‘Overstra’ einiget op de -stra fan Westra) sil er ûntliend hawwe oan de (al yn 1838 oprjochte) rederikerskeamer Per ardua ad astra fan Hallum, dêr’t er mooglik lid fan west hat. Wis is dat er earder lid wie fan Demosthenes yn Damwâld, lykas al neamd, en ek dat der yn de winters fan 1880/1881 en 1881/1882 yn Ferwert in rederikerskeamer Aldoende leert men bestie, wierskynlik oprjochte mei troch tadwaan fan Westra nei’t de gemeenteried fan Ferwerderadeel op inisjatyf fan de konfesjonele partij yn april 1879 de merke yn Ferwert ôfskaft hie.Leeuwarder Courant (29 april 1879). In ferslachje fan it ôfskied fan Aldoende leert men fan Westra doe’t dy nei Amsterdam fertrok yn Leeuwarder Courant (16 jannewaris 1882). sjoch bylage. Aldoende leert men hat syn fertrek nei Amsterdam net oerlibbe, alteast, nei 1882 komt de feriening net mear yn de krante foar.

Dat er kunde hie oan Johannes Baarda, dy’t ûnder mear as toanielskriuwer belutsen wie by Demosthenes, en syn earste tema yn it Friesch Volksblad lykje derop te wizen dat er Westra fia Baarda yn kontakt kaam is mei syn liberale geastessibben Stellingwerf en Dykstra. Hy begjint foar de krante te skriuwen oer rederikerskeamers. Fan oktober 1878 oantemei jannewaris 1879 komme dêr sân bydragen oer. De earste is yn de foarm fan in dialooch: in amateur-toanielspiler dy’t foaral út maatskiplik idealisme ‘leerzaam en onderhoudend tooneelspel’ bringe wol, foar de goede saak fan ‘de verlichting mijner medeburgers’, praat mei in âldere skeptikus dy’t gâns oanmerkingen hat oer it faak minne spul en de meastal goedkeape dekors.P.W., ‘De Rederijk-kamers in Friesland’, Friesch Volksblad 3-121 (20 oktober 1878). It stik, in iepen pleit foar sosjaalpolityk toaniel, foel der yn Hallum net hiel goed yn. Yn in iepen brief oan Baarda bekent Westra syn ‘heimwee’ fan de Wâlden en de Wâldsjers, ‘en van de eerlijkheid, de ridderlijkheid van hun vijandschap!’P.M.W., ‘Onze Rederijkers en nog wat’, Friesch Volksblad 3-123 (3 novimber 1878). ‘De rederijkers van voorheen’, skriuwt er dêrnei oan de ein fan in searje fan fjouwer stikken,

waren de wegbereiders der hervorming, predikers van vooruitgang en verdraagzaamheid… welnu, dan past het hun thans niet achteraan te komen, en den enkele van zich te stooten, die in dezen tijd den moed heeft af te wijken van ’t algemeen gevoelen, denkbeelden verkondigend, die vandaag en morgen nog niet in de mode zijn, maar die over korten tijd worden bewierookt door de groote schare van de aanbidders der opgaande zon. Wij moesten ’t in verdraagzaamheid verder gebracht hebben dan zij!P.W., ‘Een en ander over Rederijkers V’, Friesch Volksblad 3-135 (26 jannewaris 1879).

It twadde tema dêr’t Ad Astra yn it Friesch Volksblad mei op ’e hispel komt, is dat fan de ‘verwaarlozing der Volks-opvoeding’ troch de liberale partij. Yn 1879 ferskine der fan syn hân fjouwer bydragen oer. De liberale partij is tefolle in partij fan de well to do boargerij, dy’t it foar himsels goed regelet mar gjin hân útstekt foar de ‘lagere standen’: ‘Wanneer wij haar bij een krijgsleger vergelijken, dan kunnen wij zeggen dat zij geen achterhoede bezit.’Ad Astra, ‘De Achterhoede der Liberalen’, Friesch Volksblad 4-176 (16 novimber 1879). Ynstellingen as it Nut en aktiviteiten lykas de folksfoarlêzingen berikke it wurkfolk en de arbeiders net, en sels ûnder de liberalen binne der guon dy’t bang binne foar de ynfiering fan it algemien stimrjocht. Sadwaande bewurkmasterje de liberalen dat it folk syn heil siket by ‘de clerikalen’, ‘de mannen der orthodoxie’.

In briefwiksel tusken de haadredakteur fan de (konservatyf-)liberale Friesche Courant, H. van Belkum, en dy fan it Friesch Volksblad, Oebele Stellingwerf, lit sjen dat ek dizze stikken fan Westra opskuor jouwe yn liberale rûnten.‘Twee brieven’, Friesch Volksblad 4-176 (16 novimber 1879). Al wurdt it net sa beneamd, de diskusje oer wat Westra neamt ‘de toekomst der liberale partij’ liket in gefolch fan de oprjochting fan de Anti-Revolutionaire Partij (ARP): om skoaljild. It striidpunt fan Abraham Kuyper, dêr’t er yn april en de gemeenteriedsferkiezingen yn july 1879 syn ARP foar oprjochte, wie it finansjele lyksstellen troch de oerheid fan it net folslein stipe bysûnder ûnderwiis mei it iepenbiere steatsûndersiis. De measte liberalen moasten dêr neat fan hawwe om’t it de belestingen ferheegje en steat en tsjerke wer yn ’e tiis bringe soe.

Westra’s tredde, en belangrykste, tematyske bydrage oan it Friesch Volksblad is de rige stikken dy’t er fan jannewaris oantemei maart 1880 publisearret – noch altyd út Ferwert wei – oer it algemien stimrjocht. J.J. Woltjer yn it Biografisch Woordenboek van Nederland skriuwt dy stikken by fersin ta oan ‘waarschijnlijk’ Vitus Bruinsma.J.J. Woltjer, ‘Bruinsma, Vitus Jacobus (1850-1916)’, Biografisch woordenboek van Nederland. Diel 1 (Den Haag 1979) <http://resources.huygens.knaw.nl/bwn1880-2000/lemmata/bwn1/bruinsma> [Krigen 11 oktober 2018]. As Stellingwerf yn 1893 wat somber konstatearret dat der noch safollen honger hawwe, en weromsjocht op de rol fan syn blêd yn de ‘wanhopigen strijd tegen onrecht en verdrukking’, dan is dy searje artikels it earste teken fan hoop dat er neamt:

Zoo herinneren wij ons nog, hoe voor een jaar of 15 een onzer vrienden onder den aangenomen naam: “Ad Astra”, een 10-tal artikelen in ons blad schreef over “Algemeen Stemrecht”. Hoe velen vonden toen niet die artikelen al te gek. Ja, ze waren wel goed geschreven, maar als jan en alleman kiezer werd, dan zou de “domme hoop” den baas gaan spelen, of liever, dan werden de dominé’s en pastoors heer en meester in ’t land.An. [Oebele Stellingwerf], ‘Gaan wij vooruit?’, Friesch Volksblad 16-1002 (16 april 1893).

Sa hold in dokter yn Makkingea, J.J. Terpstra, Waling Dykstra as redakteur fan it Friesch Volksblad ferantwurdlik foar it skriuwen fan Ad Astra, dy’t neffens him foarstanner wêze soe fan ‘geweldige, [gewelddadige] zoogenaamde communistische maatregelen!’ om sa de maatskippij te ferneatigjen. Dykstra antwurde dat er it oan Ad Astra oerliet om te reagearjen, mar hy woe alfêst wol de fersekering jaan ‘dat ik over ‘t algemeen wel instem met hetgeen Ad Astra tot dusver geschreven heeft onder het opschrift: “Het algemeen Stemrecht”.’U. [J.J.] Terpstra, ‘Ingezonden’, Friesch Volksblad 4-188 (8 febrewaris 1880), mei koarte reaksje fan Waling Dykstra. Apart is yn dit ferbân de útlis fan Sjoerd van der Schaaf dat, mooglik nei oanlieding fan de útlittingen fan boppeneamde Terpstra, Waling Dykstra soe gjin foarstanner fan it algemien stimrjocht west hawwe.S. van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske Beweging (De Tille, Ljouwert 1977) 125-126: ‘[Waling Dykstra] hat in jier of hwat oan de ynhâld fan it ‘Friesch Volksblad’ sines noch wol bydroegen, mar hy koe yn de stream fan de tiid net earlik mear meikomme. Hy hearde wis by hwat it forljochte diel fan it folk hjitte, mar fan ‘opstokelderij’ moast hy neat hawwe, en der kaem in tiid dat hy de koerts fan Oebele Stellingwerf net mear folgje woe of doarst. It algemien kiesrjocht, it biheljen dus ek fan de arbeidersman yn de gearstalling fan de iepenbiere organen, dêr’t Stellingwerf mear en mear foarstanner fan waerd, gyng him to’n earsten noch to fier. Hielendal moast hy der yn syn moai kwetsbere posysje foar oppasse foar ‘read’ forsliten to wurden. Hy liet him dêrom foar tûzen goune útkeapje en fan jannewaris 1883 ôf stie syn namme net mear op it ‘Friesch Volksblad’.’

It fjirde en lêste ûnderwerp dat Ad Astra op it aljemint bringt, foar’t er nei Amsterdam ferhuzet, is de ARP. Yn novimber en desimber 1881 – de oanstelling yn Amsterdam hat er dan al yn ’e bûse – skriuwt er dêr fjouwer stikken oer. De saak is neffens him sa, stelt er provosearjend, dat de ARP de fruchten fan de Frânske Revolúsje – hy neamt ûnder mear skieding fan tsjerke en steat, frijheid fan godstsjinst, iepenbier ûnderwiis, gelykheid foar de wet, in algemien belestingstelsel, demokratyske ynspraak – it leafst slite wolle soe en dêrom yn feite in kontra-revolúsjonêre partij is, mei as doel ‘te strijden tegen alles wat door de revolutie is tot stand gebracht’.Ad Astra, ‘De anti-revolutie’, Friesch Volksblad 6-283 (4 desimber 1881), 1-2. Op dit punt wurdt er troch de redaksje weromfluite:

Wij gelooven, dat A.A. nu wel wat heel veel voor eigen gemak vraagt. De anti- revolutionaire partij heeft een programma, waarin hare beginselen en haar doel worden uiteengezet, en zoo A.A. dit leest, zal hij spoedig bemerken, dat men niet terug wil tot den toestand van voor 100 jaren.Red., kommentaar ûnder Ad Astra., ‘Ingezonden’ [Menaldum, Dec. 1881], Friesch Volksblad 6-286 (25 desimber 1881), 3.

It ARP-program hie behalve in polityk-teoretyske en in lokaal-politike achtergrûn. Op oanstean fan de antyrevolúsjonêren wie yn april 1879 yn Ferwerderadeel de merke yn Ferwert ôfskaft. Yn oktober fan dat jier folge it earste útstel yn de gemeenteried, ek fan de antyrevolúsjonêren, om skoaljild foar de iepenbiere skoallen yn de gemeente yn te fieren. It útstel waard ynearsten fersmiten, mar yn novimber 1881 kaam it wer op ’e aginda. De ‘H.’ út Ferwert dy’t him yn de Leeuwarder Courant yn fjouwer bydragen fûl tsjin it útstel ferset, en it besjocht als in ‘dolksteek’ en in ‘vijandige maatregel (..) tegen de openbare school’ is nei alle gedachten Pieter Westra.Sjoch Leeuwarder Courant (21 novimber 1881; 20 en 24 desimber 1881; 5 jannewaris 1882). Westra ferriedt himsels troch syn styl.

Westra wol út Ferwert wei, mar slagget yn Fryslân mar net oan in oanstelling. Nei oardel jier fergees sollisitearjen wurdt er yn jannewaris 1882 ynskreaun yn Amsterdam; hy hat in oanstelling krigen as skoalmaster oan gemeenteskoalle nû. 26. Syn bydragen oan it Friesch Volksblad hawwe tenei in mear ynsidinteel karakter, ek al om’t er him no mei kop en earen op de Amsterdamske frijtinkersbeweging smyt. Wol publisearret er fan novimber 1886 oantemei juny1887 noch in rige fan sân bydragen ûnder de kop ‘Eenige vrij algemeen verspreide dwalingen’. Dêryn jout er in ‘lijstje van dwalingen, die ik vroeger heb aangekleefd, maar die ik nu als dwaling heb erkend’.‘Eenige vrij algemeen verspreide dwalingen’, Friesch Volksblad 11-544 (21 novimber 1886), 3-4. It giet dan ûnder mear oer ûnderwiis-idealen, it leauwe yn sosjale foarútgong foar de arbeiders, de ûn­noazelens fan sosjaal-demokraten – ‘Het is mij gebleken, dat ik hen voor al te onnoozel, en mij zelf voor al te wijs heb aangezien’‘Eenige vrij algemeen verspreide dwalingen’, Friesch Volksblad 11-545 (28 novimber 1886), 4. – en de ideeën dat neisteleafde in kristlike útfining wêze soe en dat de steat him mei sa min mooglik saken bemuoie moat. Mar ‘[v]an dit stroeve, stijve, dorre, Thorbeckiaansche liberalisme ben ik terug gekomen. Staats-spoorwegen, posterijen en onderwijs vind ik volstrekt geen kwaad, en ik zou wenschen dat de Staat ook andere zeer teedere belangen der Menschheid onder zijne bescherming nam.’A.A., ‘Eenige vrij algemeen verspreide dwalingen’, Friesch Volksblad 11-551 (9 jannewaris 1887), 4.

De laissez-faire-ekonomy wiist er no ôf, sterker noch, hy toant him – lykas Oebele Stellingwerf – in foarstanner fan lân­nasjonalisaasje à la Henry George.A.A., ‘Eenige vrij algemeen verspreide dwalingen’, Friesch Volksblad 11-560 (6 maart 1887), 3. Fan 1884 ôf komt it tema fan de lânnasjonalisaasje yn it wurk fan de Amerikaanske ekonoom Henry George (1839-1897), benammen yn Progress and poverty (1869), ek gauris foar yn de stikken fan Oebele Stellingwerf. It idee fan lânnasjonalisaasje hat yn Nederlân noait folle oanhingers hân, mar krige wjerklang yn de iere Friesche Volkspartij troch ûnder mear de propaganda fan Jan Stoffel (1851-1921), de earste foarsitter fan de Nederlandsche Bond voor Landnationalisatie dy’t yn 1889 oprjochte waard. Stoffel wie yn 1891 kandidaat fan de Dokkumer ôfdieling fan de Volkspartij by de Keamerferkiezingen. En ek yn de feredeljende wurking fan keunst hat er gjin betrouwen mear:

Ik meende vroeger, dat Kunstgenot veredelend werkte. Thans ontken ik dit. Of het aan de kunst ligt of aan de kunstminnaars, dat weet ik niet, maar het is mij gebleken, dat velen, die Possart toejuichen en Lola lezen, en in geestdrift ontsteken bij het hooren van schoone muziek, zeer onedel zijn en blijven, waar het de dierbaarste belangen van hunne ondergeschikten, hunne vrienden, en van het algemeen geldt.A.A., ‘Eenige vrij algemeen verspreide dwalingen’, Friesch Volksblad 11-574 (12 juny 1887), 3-4, 3.

Dat tinken past yn it ramt fan de korrupsje troch macht en de earlikheid fan de gewoane man. In twadde lettere rige omfettet tinkbylden oer ‘sociale politiek’, as begelieding fan syn monografy dy’t mei dy titel yn eigen behear ferskynt yn in rige propaganda-útjeften foar de De Dageraad.Ad Astra, Sociale politiek. Haar beginselen en haar uitgangspunt (P. Westra, Amsterdam 1894). Resinsje yn Rotterdamsch Nieuwsblad (19 desimber 1894); sinjalemint yn Recht voor Allen (12 desimber 1894). Foar it RN wie it boekje te links, foar RvA te sweverich. Oan ’e oarder komme ‘De revolutie’, ‘Het liberale stelsel’, ‘De anarchie’ en ‘De concurrentie’. Syn lêste bydragen oan it Friesch Volksblad binne trije stikken út 1897 mei de titel ‘Als dienstbode in Amsterdam’, skreaun yn de foarm fan brieven oan redakteur Geertruida Stellingwerf-Jentink. Oer arbeidsmigraasje seit Westra:

Wat leer men hieruit? Dat iemand, die zich in Amsterdam wil vestigen, de voorlichting noodig heeft van een vertrouwden vriend of bloedverwant of kennis, die hier met de plaatselijke toestanden bekend is, en die persoonlijk onderzoek doet naar de aangeboden betrekking of woning. Voor de bewoners van Friesland is dit in den regel niet moeielijk. Het aantal Friezen in Amsterdam is in het oog loopend groot; men vindt ze in alle standen der maatschappij: als onderwijzers, politie-agenten, winkelbedienden, timmerlieden, ververs enz. Een hoofdambtenaar van het stadhuis, afdeeling burgerlijke stand, begrootte hun aantal op honderdduizend. Ook de tegenwoordige burgemeester van Amsterdam is een Fries.Ad Astra, ‘Als Dienstbode in Amsterdam’, Friesch Volksblad 20-1234 (3 jannewaris 1897). De boargemaster is Sjoerd Vening Meinesz (1833-1909), dy’t fan 1891 oant 1901 it Amsterdamske amtskeatling omhie.

 

Fan liberaal nei radikaal

yn de perioade 1877-1897 komt Westra nei foarren op ûnderskate poadia as in ûnôfhinklik tinker, dy’t byneed ek tsjin de stream yn doart te gean. Hy, mar in ûndermaster, is net benaud om op nasjonaal nivo, tsjin de idolatry yn, in skriuwer as Multatuli en syn wurk te bekritisearjen. Of him letter yn kranten te profilearjen as it oansprekpunt en it propagandasintrum fan it belangrykste Nederlânske frijtinkerstydskrift fan syn dagen, De Dageraad. En ek as skriuwer, útjouwer en boekhanneler stipet er yn de earste helte fan de njoggentiger jierren de saak fan it frije tinken.

En yn it Fryske politike diskoers ferfollet er likegoed in opfallende, krityske frijtinkersrol, en ek hjir as middelaar tusken liberaal en sosjaal-radikaal. Net dat er in Realpolitiker wie, diplomatyk wie er hielendal net, mar syn yntellektuele fundearjen late him by ideology en one issue-polityk wei. De middenposysje hat er mienskiplik mei Oebele Stellingwerf en ek mei nasjonale figueren as de Ljouwerter gymnasiumlearaar Vitus Bruinsma, de Grinzer boer Derk Roelfs Mansholt en de Amsterdamske haadûnderwizer en sosjaal-demokraat Adriaan Gerhard. Syn belangrykste bydrage oan de Fryske kultuer- en parseskiednis is de rige artikels oer it algemien kiesrjocht fan 1880 yn it Friesch Volksblad, in rjocht dêr’t er foar pleitet yn in sublime, mar tagonklike styl en mei grutte kennis fan saken.

[S]lechts de hoogste klassen der maatschappij worden gehoord. De lagere klassen, de minder-bedeelden zijn eens-vooral tot zwijgen gedoemd. Ook al vindt men onder hen heldere koppen – zij mogen toch niet meestemmen. ’t Is alsof de wet zegt: “Gij, burgers, kunt een tachtigtal mannen kiezen, die waken zullen voor uwe rechten, die uwe belangen bij de Regeering zullen bepleiten. Wij noodigen de welgestelden onder u uit om die mannen te kiezen.” En wij dan, roepen de mindergegoeden, mogen wij ook mannen kiezen, die, als het te pas komt, voor ons opkomen en onze rechten verdedigen?
De wet antwoord hierop: “Neen! Gijlieden moogt toezien, hoe men over u beschikt.”
Het treurig gevolg van dezen toestand, waarop ik zoeven doelde, is dat onze Tweede Kamer een zeer eenzijdig karakter heeft, en dat zij de volksbelangen slechts ten-deele behartigt.Ad Astra, ‘Het algemeen stemrecht’, Friesch Volksblad 4-183 (4 jannewaris 1880) 1-2, 2.

Westra rûn foarop yn de algemien kiesrjochtbeweging. Der wie inkeld noch, yn 1879, in ‘Comité voor Algemeen Stemrecht’ oprjochte, op inisjatyf fan it Snitser boekhanneler en útjouwer H. Pijttersen Tzn. Dat die yn 1880 in fersyk oan de Twadde Keamer die om de Grûnwet sadanich te feroarjen dat algemien stemrjocht mooglik waard. Ek hold de liberaal Bernardus Hermanus Heldt, behalve komiteelid ek foarsitter fan it Algemeen Nederlandsch Werklieden-Verbond, op 1 juny 1879 in taspraak yn de seal fan Van der Wielen yn Ljouwert oer it algemien stimrjocht. Mar bredere publyksaksje – Pijttersen net teneisprutsen, dy’t yn 1879 in brosjuere oer it algemien stimrjocht útjoechAdf. yn Leeuwarder Courant (13 novimber 1879): P., Algemeen stemrecht (H. Pijttersen Tz., Sneek 1879). De auteur P. is neffens de Tresoar-katalogus Baltus Hendrik Pekelharing (1841-1922), sosjaal-liberaal heechlearaar hannelsrjocht en steatkunde yn Delft, dy’t mei Pijttersen lid wie fan it stimrjochtkomitee fan 1879. Fan dizze brosjuere binne sa’t it liket mar twa eksimplaren yn Nederlânske bibleteken bewarre bleaun, ien yn Ljouwert en ien yn Utert. – liet op him wachtsje. De Nederlandsche Bond voor Algemeen Kies- en Stemrecht kaam der krekt yn 1882. In Ljouwerter ôfdieling net earder as 1884. It bewurkjen fan de parse kaam hielendal foar rekken fan Westra.

Oan syn publikaasjes is goed ôf te lêzen hoe’t Westra him ûntjoech fan frijsinnich Thorbeckiaan ta bûtentsjerklik, humanistysk sosjaal-radikaal. Syn politike tinken wurdt ynearsten behearske troch de opposysje liberaal-klerikaal, wylst letter sosjaal-ekonomyske en filosofyske frijtinkerstema’s oerhearskje. Benammen yn de earste jierren fan it Friesch Volksblad is er dwaande om it liberalisme nei ‘links’ te krijen mei it each op de belangen fan de mindere man en út eangst foar de anty­revolúsjonêren. Yn de njoggentiger jierren bringe syn stânpunten him tichtby it sosjalisme, mooglik mei ûnder ynfloed fan sosjaal-demokratyske Dageraad-redaksjeleden as Gerhard. Al is my net bekend oft er úteinlik noch lid wurden is fan de SDAP.

Nei dat alles rint it dochs yn it each dat er fan him gjin fermeldingen te finen binne yn Fryske boarnen. By Tresoar is syn brosjuere Sociale politiek katalogisearre; fierder komt men syn namme ien kear koart tsjin yn de Stads- en dorpskroniek fan Wumkes. ‘P. Westra te Amsterdam is secr. en redactielid der vereeniging en tijdschrift De Dageraad (10e jaargang)’.G.A. Wumkes, Stads- en dorpskroniek van Friesland. Dl. 2 (1800-1900) (Osinga, Bolsward 1934). (Mar siktaris wie er al in jier earder.) Bûten wat syn eigen publikaasjes oan ynformaasje opsmite, is der net folle biografysk materiaal bekend. Yn Amsterdam wurde noch in pear fan syn brieven bewarre: de earder neamde út 1877 oan Multatuli, in brief út 1879 oan Vitus Bruinsma en acht brieven nei 1908 oan de Nederlânske skriuwer, dichter en frijtinker Albert Verwey.Yn te sjen yn it argyf Bijzondere Collecties fan de Universiteit van Amsterdam. Wol is der fansels it argyf fan De Dageraad, oanwêzich op it IISS yn Amsterdam, dêr’t mear oer Westra te finen wêze moat. De korrespondinsje dy’t der nei alle gedachten ek wie mei Oebele Stellingwerf is weiwurden. Geertruida Jentink hat it argyf fan har man ferneatige.

Pieter Westra ferhuzet yn 1897 nei Bussum, dêr’t er as boekhâlder wurket oant 1914. Nei de dea fan syn frou Anna Wilhelmina van der Voort yn 1913 trout er opnij, mei Evertje Slot út Frjentsjer, syn húshâldster. Yn 1914 ferhuzet er werom nei Amsterdam. Op 19 jannewaris 1919 komt er yn Nieuwendam, tusken de Amsterdamske havenyndustry en de greiden yn, 68 jier âld, sûnder bern, te ferstjerren.

 

Hjir is in oersjoch fan de bydragen fan Pieter Westra yn it Friesch Volksblad te finen.

 

Noaten

  1. Sjoch bygelyks Johan Frieswijk, ‘Friezen en de ontwikkeling van landarbeidersorganisaties in Nederland’, 1889-1940, lêzing 1995, VHV, g.d. <https://www.vakbondshistorie.nl/dossiers/friezen-en-de-ontwikkeling-van-landarbeidersorganisaties/> [krigen 19 oktober 2018].
  2. Sjoch ek Menno de Lange en Reid van der Leij, ‘Parenteel van Keimpe Feitzes’, Genealogysk Jierboek 2009 (Fryske Akademy, Ljouwert 2009).
  3. Christiaan Houdijn Beekhuis (1814-1885) wie troud mei Geesje Feddes (1831-1882), dy’t yn 1870 in brosjuere oer de ûngelikense rjochtsposysje fan troude froulju publisearre (Eene vrouw, Gelijk recht voor allen!, Leeuwarden 1870) en as ien fan de earste Nederlânske feministes jildt. De gemeentesiktaris fan Ferwerderadeel Jan Hendrik Heijmans (1813-1874) – de heit fan de lettere heechlearaar psychology yn Grins Gerard Heymans (1857-1930) – wie har omke.
  4. Haadûnderwizer oan de Snitser normaalskoalle wie ‘den zeer bekwamen en algemeen beminden hoofdonderwijzer Visser’ (Leeuwarder Courant, 26 july 1867). Jan Visser (1815-1905), ‘[d]e geridderde nestor der Nederlandsche onderwijzers’, wurke fan 1859 oant 1896 (doe ‘op ruim tachtigjaren ouderdom’) oan dizze skoalle. Nieuwe Veendammer Courant (1 septimber 1896). De liberaal Visser stie as begjinnend ûnderwizer te Dunegea, dêr’t letter de Fryske skriuwer Hjerre Gerrits van der Veen ien fan syn opfolgers wurde soe. Hy wie ‘lid van verdienste’ (1891) fan it Nederlandsch Onderwijzers-Genootschap. Foar in koarte libbensskets, sjoch G.A. Wumkes, ‘Visser, Jan’, yn: P.C. Molhuysen en P.J. Blok, red., Nieuw Nederlandsch biographisch woordenboek. Dl. 4 (Sijthoff, Leiden 1918).
  5. Westra hat sûnder risseltaat sollisitearre nei de post fan haadûnderwizer yn Nes (Westd.) (Leeuwarder Courant, 24 july 1879), Hoarnstersweach (Nieuws van den Dag, 9 jannewaris 1880), Brantgum (Nieuws van den Dag, 24 jannewaris 1880), Hegebeintum (Nieuws van den Dag, 14 juny 1880) en Raerd (Westd.) (Nieuws van den Dag, 15 novimber 1881). Beneaming yn Amsterdam yn: Algemeen Handelsblad (13 novimber 1881); Nieuws van den Dag (14 novimber 1881).
  6. P. Westra, ‘Vakantiën wegens IJsvermaak’, Leeuwarder Courant (13 febrewaris 1876).
  7. P. Westra, ‘Deskundigen en Vakgeleerden’, Het Schoolblad 10 (15 febrewaris 1876); opnij printe yn P. Westra, ‘Deskundigen en vakgeleerden. Duizend-en-eenige Hoofdstukken over Specialiteiten door multatuli. Tweede druk. Delft, J. Waltman Jr. 1875.’, yn Multatuli, Volledige werken, Dl. 18, Brieven en dokumenten uit de jaren 1875-1877, red. Stuiveling, Dongelmans en Van den Bergh (Van Oorschot, Amsterdam 1987), 268-271, digitalisearre op DBNL <https://www.dbnl.org/tekst/mult001gstu21_01/mult001gstu21_01_0124.php> [krigen 21 oktober 2018].
  8. Multatuli, Duizend-en-eenige hoofdstukken over specialiteiten (2e pr.; J. Waltman Jr., Delft 1875).
  9. P. Westra, ‘Deskundigen en Vakgeleerden’, 270.
  10. P. Westra, ‘Deskundigen en Vakgeleerden’, 270-271.
  11. Leeuwarder Courant (26 july 1879), yn in ferslachje oer de yntrede fan de nije boargemaster.
  12. J. van Vloten, Onkruid onder de tarwe. Letterkundige karakterstudie (W.C. de Graaff, Haarlem 1875).
  13. P. [Westra], ‘E. Douwes Dekker, gezegd Multatuli, uit zijn geschriften beoordeeld’, De Levensbode 10 (novimber 1878); skreaun yn 1877. Fragminten opnaam yn Multatuli, Volledige werken 18, 748-762.
  14. P. Westra, ‘Brief aan Multatuli, 20 maart 1877’, yn Multatuli, Volledige werken, Dl. 18, Brieven en dokumenten uit de jaren 1875-1877, red. Stuiveling, Dongelmans en Van den Bergh (Van Oorschot, Amsterdam 1987), 649-650, digitalisearre op DBNL <https://www.dbnl.org/tekst/mult001gstu21_01/mult001gstu21_01_0338.php> [krigen 21 oktober 2018]. Brief van P. Westra aan Multatuli, 20 maart 1877, opnaam yn Multatuli, Volledige werken 18, 649-650.
  15. H.A. Gomperts, ‘Multatuli contra Thorbecke’, yn: Intenties 2, Amsterdam, s.j., 91-96; K. ter Laan, ‘Thorbecke, Jan Rudolf’, yn: K. ter Laan, Multatuli Encyclopedie (Sdu, Den Haag 1995).
  16. Ingezonden stuk fan P. Westra in Oostergo, 9 maart 1878, opnaam yn Multatuli, Volledige werken, Dl. 19. Brieven en dokumenten uit de jaren 1878-1879, red. Stuiveling, Dongelmans en Van den Bergh (Van Oorschot, Amsterdam 1989), 284, digitalisearre op DBNL <https://www.dbnl.org/tekst/mult001gstu22_01/mult001gstu22_01_0173.php> [krigen 21 oktober 2018].
  17. P. Westra, ‘Dorps-idylle’, De Dageraad 8:9 (1887) 199-200, opnaam as ‘Herinnering van P. Westra inzake de lezing te Leeuwarden’, yn Multatuli, Volledige werken, Dl. 19. Brieven en dokumenten uit de jaren 1878-1879, red. Stuiveling, Dongelmans en Van den Bergh (Van Oorschot, Amsterdam 1989), 309, digitaliseaare op DBNL <https://www.dbnl.org/tekst/mult001gstu22_01/mult001gstu22_01_0190.php> [krigen 21 oktober 2018].
  18. P. Westra, Over Multatuli als auteur, in het bijzonder als navolger van Alphonse Karr (Slothouwer, Amersfoort 1910).
  19. C.G.N. de Vooys, ‘Boekaankondiging’, De Nieuwe Taalgids 4 (1910) 316-317. Sjoch ek Nop Maas, ‘Als een priester en zijn preekstoel. Multatuli en het tijdschrift De Dageraad’, yn: Peter Derkx e.o., red., Voor menselijkheid of tegen godsdienst? Humanisme in Nederland 1850-1960 (Verloren, Hilversum 1998) 69-83.
  20. Under mear joech er út: Een geschiedenis der slavernij (P. Westra, Amsterdam 1891); Dr. Polis, Moederschap naar verkiezing. Een nieuw en hygiënisch voorbehoedmiddel (2e pr.; P. Westra, Amsterdam 1892); Engelszoon, De Schepping van Hemel en Aarde (2e pr.; P. Westra, Amsterdam 1892); Ad Astra, Sociale politiek. Haar beginselen en haar uitgangspunt (P. Westra, Amsterdam 1894). De priiskatalogus fan syn Dageraad-boekhannel besloech yn 1891 sân siden. Nieuwsblad voor den Boekhandel 58-54 (7 july 1891). Foar 1891 joech de feriening De Dageraad sels boekwurkjes út. Sjoch ek Wouter Kuijlman, Metamorfoze vrijdenkers. Verantwoording van een collectie vrijdenkerspublicaties uit de periode 1855-1950. Doktoraalskripsje fan de Universiteit voor Humanistiek, Utert 2005, 58-59, dy’t sawol de útjou- as de bestjoersaktiviteiten fan Westra folslein oerslacht.
  21. Bekendmakking troch it bestjoer yn Nieuwsblad voor den Boekhandel 59-99 (9 desimber 1892).
  22. ‘Korrespondentie’, Recht voor Allen (11 novimber 1892). De krityk komt fan L.J. Vermeer, dy’t Westra ein dat jier opfolget as twadde siktaris en letter sels útjouwer is fan frijtinkerswurk. Sjoch ek: ‘Boekbeoordeeling’, Recht voor Allen (13 maaie 1892); Een getrouwe lezer, ‘Mijnheer de Redakteur!’, Recht voor Allen (26 oktober 1892). Westra syn frou wie ferloskundige; it is goed mooglik dat sy of hy sels achter it pseudonym Dr. Polis stuts.
  23. Pieter E. Treffers, ‘Geboortedaling eind 19e en eerste helft 20e eeuw’, Nederlands Tijdschrift voor Geneeskunde (2009) 153-B44. Yn 1884 wie it Middelenboekje fan de Nieuw-Malthusiaanse Bond foar it earst ferskynd.
  24. T.M. Overstra, ‘Nirwana Hartmanni’; ‘Stofjesmenschen en onbewuste wijsgeeren’, 1889; ‘Natuurwetenschap en hypothese’, 1892. Bolland reagearre yn in ‘Open brief aan den heer T.M. Overstra’ yn de Dageraad 13 (1891-1892), opnaam yn G.J.P.J. Bolland, Het wereldraadsel. Wijsgeerige verhandelingen (Adriani, Leiden 1896), 563-575. Sjoch ek: A.L. Constandse, ‘Een fase van verlichting’, De Gids 144 (1981).
  25. B. Gasenbeek et.al, ‘Honderdvijftig jaar vrijdenkersbeweging. Een encyclopedisch overzicht 1815-2006’, yn: B. Gasenbeek, J.C.H. Blom en J.W.M. Nabuurs, red., God noch autoriteit. Geschiedenis van de vrijdenkersbeweging in Nederland (Boom, Amsterdam 2006) 44.
  26. Regionaal Archief Zutphen, 0138 Inventaris van de collectie K.O. Meinsma (1865-1929). <http://www.regionaalarchiefzutphen.nl/archieven/details/NL-ZuRAZ-0138/descgrp/bioghist/withscans/0/start/0/limit/10/flimit/5/filters:ead.eadheader.eadid/NL-ZuRAZ-0138/section/content/path/26> [Krigen 12 oktober 2018].
  27. Leeuwarder Courant (29 april 1879). In ferslachje fan it ôfskied fan Aldoende leert men fan Westra doe’t dy nei Amsterdam fertrok yn Leeuwarder Courant (16 jannewaris 1882). sjoch bylage.
  28. P.W., ‘De Rederijk-kamers in Friesland’, Friesch Volksblad 3-121 (20 oktober 1878).
  29. P.M.W., ‘Onze Rederijkers en nog wat’, Friesch Volksblad 3-123 (3 novimber 1878).
  30. P.W., ‘Een en ander over Rederijkers V’, Friesch Volksblad 3-135 (26 jannewaris 1879).
  31. Ad Astra, ‘De Achterhoede der Liberalen’, Friesch Volksblad 4-176 (16 novimber 1879).
  32. ‘Twee brieven’, Friesch Volksblad 4-176 (16 novimber 1879).
  33. J.J. Woltjer, ‘Bruinsma, Vitus Jacobus (1850-1916)’, Biografisch woordenboek van Nederland. Diel 1 (Den Haag 1979) <http://resources.huygens.knaw.nl/bwn1880-2000/lemmata/bwn1/bruinsma> [Krigen 11 oktober 2018].
  34. An. [Oebele Stellingwerf], ‘Gaan wij vooruit?’, Friesch Volksblad 16-1002 (16 april 1893).
  35. U. [J.J.] Terpstra, ‘Ingezonden’, Friesch Volksblad 4-188 (8 febrewaris 1880), mei koarte reaksje fan Waling Dykstra.
  36. S. van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske Beweging (De Tille, Ljouwert 1977) 125-126: ‘[Waling Dykstra] hat in jier of hwat oan de ynhâld fan it ‘Friesch Volksblad’ sines noch wol bydroegen, mar hy koe yn de stream fan de tiid net earlik mear meikomme. Hy hearde wis by hwat it forljochte diel fan it folk hjitte, mar fan ‘opstokelderij’ moast hy neat hawwe, en der kaem in tiid dat hy de koerts fan Oebele Stellingwerf net mear folgje woe of doarst. It algemien kiesrjocht, it biheljen dus ek fan de arbeidersman yn de gearstalling fan de iepenbiere organen, dêr’t Stellingwerf mear en mear foarstanner fan waerd, gyng him to’n earsten noch to fier. Hielendal moast hy der yn syn moai kwetsbere posysje foar oppasse foar ‘read’ forsliten to wurden. Hy liet him dêrom foar tûzen goune útkeapje en fan jannewaris 1883 ôf stie syn namme net mear op it ‘Friesch Volksblad’.’
  37. Ad Astra, ‘De anti-revolutie’, Friesch Volksblad 6-283 (4 desimber 1881), 1-2.
  38. Red., kommentaar ûnder Ad Astra., ‘Ingezonden’ [Menaldum, Dec. 1881], Friesch Volksblad 6-286 (25 desimber 1881), 3.
  39. Sjoch Leeuwarder Courant (21 novimber 1881; 20 en 24 desimber 1881; 5 jannewaris 1882). Westra ferriedt himsels troch syn styl.
  40. ‘Eenige vrij algemeen verspreide dwalingen’, Friesch Volksblad 11-544 (21 novimber 1886), 3-4.
  41. ‘Eenige vrij algemeen verspreide dwalingen’, Friesch Volksblad 11-545 (28 novimber 1886), 4.
  42. A.A., ‘Eenige vrij algemeen verspreide dwalingen’, Friesch Volksblad 11-551 (9 jannewaris 1887), 4.
  43. A.A., ‘Eenige vrij algemeen verspreide dwalingen’, Friesch Volksblad 11-560 (6 maart 1887), 3. Fan 1884 ôf komt it tema fan de lânnasjonalisaasje yn it wurk fan de Amerikaanske ekonoom Henry George (1839-1897), benammen yn Progress and poverty (1869), ek gauris foar yn de stikken fan Oebele Stellingwerf. It idee fan lânnasjonalisaasje hat yn Nederlân noait folle oanhingers hân, mar krige wjerklang yn de iere Friesche Volkspartij troch ûnder mear de propaganda fan Jan Stoffel (1851-1921), de earste foarsitter fan de Nederlandsche Bond voor Landnationalisatie dy’t yn 1889 oprjochte waard. Stoffel wie yn 1891 kandidaat fan de Dokkumer ôfdieling fan de Volkspartij by de Keamerferkiezingen.
  44. A.A., ‘Eenige vrij algemeen verspreide dwalingen’, Friesch Volksblad 11-574 (12 juny 1887), 3-4, 3.
  45. Ad Astra, Sociale politiek. Haar beginselen en haar uitgangspunt (P. Westra, Amsterdam 1894). Resinsje yn Rotterdamsch Nieuwsblad (19 desimber 1894); sinjalemint yn Recht voor Allen (12 desimber 1894). Foar it RN wie it boekje te links, foar RvA te sweverich.
  46. Ad Astra, ‘Als Dienstbode in Amsterdam’, Friesch Volksblad 20-1234 (3 jannewaris 1897). De boargemaster is Sjoerd Vening Meinesz (1833-1909), dy’t fan 1891 oant 1901 it Amsterdamske amtskeatling omhie.
  47. Ad Astra, ‘Het algemeen stemrecht’, Friesch Volksblad 4-183 (4 jannewaris 1880) 1-2, 2.
  48. Adf. yn Leeuwarder Courant (13 novimber 1879): P., Algemeen stemrecht (H. Pijttersen Tz., Sneek 1879). De auteur P. is neffens de Tresoar-katalogus Baltus Hendrik Pekelharing (1841-1922), sosjaal-liberaal heechlearaar hannelsrjocht en steatkunde yn Delft, dy’t mei Pijttersen lid wie fan it stimrjochtkomitee fan 1879. Fan dizze brosjuere binne sa’t it liket mar twa eksimplaren yn Nederlânske bibleteken bewarre bleaun, ien yn Ljouwert en ien yn Utert.
  49. G.A. Wumkes, Stads- en dorpskroniek van Friesland. Dl. 2 (1800-1900) (Osinga, Bolsward 1934).
  50. Yn te sjen yn it argyf Bijzondere Collecties fan de Universiteit van Amsterdam.

Ut dit essee sitearje kin sa: De Vries, Abe. “De frijtinker fan Ferwert: Fan frijsinnich liberaal ta humanistysk radikaal: Pieter Minnes Westra (1851-1919)” Fers2. Abe de Vries & Friduwih Riemersma, 21 oktober 2018. Web. Dei moanne jier dat it essee krigen is.