image
Charles de Coster & Frans Masereel, La légende d’Ulenspiegel.

De frîske Literatuerkrityk, oftewol it Wonderbaarlike Leechlizzen fan Waling Dykstra

Case study: de proto-anargist Hantsje Pik

Abe de Vries - Fers2 nû. 8, 12 april 2015

Krityk sûnder kontekst

Yn in besykjen om ien en oar te ferdútsen sil ik earst de belangrykste karakterisearringen neirinne fan Dykstra en syn wurk yn de moderne skriuwerij oer Fryske literatuer. Dêrnei wol ik de figuer fan Hantsje Pik tsjin it ljocht hâlde en him delsette yn de Dútske, Nederlânske en Flaamske Ulespegel-tradysjes dy’t inoar treffe op it krúspunt fan it opkommende liberalisme, nasjonalisme en anargisme. Net Waling Dykstra komt yn dit opstel nei foarren as in konservatyf dy’t de ‘fernijing’ yn it paad stiet – it binne syn skriuwende Fryske bewegers-erfgenamten dy’t yn har fersliten himd blike te stean. Hjir en dêr hoopje ik dan noch koart in mooglikheid foar fierdere stúdzje oantsjutte te kinnen.

Dykstra ôfservearre

In opfallend negative wurdearring fan Waling Dykstra syn keunstnerskip set yn bewegersrûnten al dalik yn nei syn dea. Douwe Kalma en de Jongfriezen sjogge yn him ‘alles (..) wat har oan benyptheid yn de Fryske literatuer tsjinstie’, seit Philippus Breuker yn syn neiwurd by de achtste printinge fan De sulveren rinkelbel. It komt der op del, yn neifolging fan de eardere Tachtigers moat ‘persoanlike keunst’ neffens de Jongfriezen folle heger wurdearre wurde as ‘folkskeunst’, dêr’t Dykstra as de Fryske eksponint fan sjoen wurdt.

De ortodoks-herfoarme dûmny, mei-oprjochter fan it Kristlik Frysk Selskip (1908), befaamd Frysk-preker en literatuer-kroanikeur Geart Aeilco Wumkes is de Jongfriezen dan al foar mei it uterjen fan syn reserves, sij it dat it him om oare beswieren giet. ‘Waling had het niet begrepen op de dominees,’ skriuwt Wumkes dalik nei de dea fan de skriuwer yn 1914 yn De Vrije Fries, it moanneskrift fan it behâldende Friesch Genootschap. ‘In zijn stapels geschriften heb ik niet één nobele predikantenfiguur kunnen ontdekken. De zwartrokken hebben het altijd verkorven. Ze zijn lui, schijnheilig, baatzuchtig of onnoozel. En toch is hij zelf een moraalpreeker op en top, zij ’t zonder bef en toga.’ Wumkes sinjalearret fierder dat benammen de ‘finen’ (koart foar it Nederlânske ‘bevindelijken’) it by Dykstra bedoarn hawwe. ‘De Afgescheidenen moeten het geducht ontgelden. Met welbehagen teekent hij de plagerijen, die de kastelein van Westerhuzen hun aandoet, de tale Kanaäns die zij spreken stelt hij aan de kaak, hij schildert ze uit als huichelaars, bijgeloovigen en drinkebroers. Dat er door die Afscheiding een levende geestesstroom heenbrak, ontging hem.’Geart Aeilco Wumkes, “Waling Dykstra, 14 Aug. 1821-15 Jan. 1914,” De Vrije Fries 22 (1914): 92-104, dêre 93 en 95. Radikaler oer Dykstra en de 19e-ieuske ‘folksskriuwerij’ yn rûnten fan it Kristlik Frysk Selskip is Eeltsje Boates Folkertsma, “Nei trettjindeheal jier,” De Holder (1926-1929, ûnderskate ôfleveringen).

Ek Dykstra syn toanielstikken einigje hast allegear, seit Wumkes, ‘met een vermaning, een zegenwensch of een zedeles.’ Dykstra fynt er in ‘volksleraar’ yn de tradsyje fan de ferljochting; foar romanskriuwer is er net yn ’e widze lein. Yn sawol de Rinkelbel as de Ulespegel wurde tafallichheden steapele en siket men omdôch nei psychology; yn de Ulespegel binne de yntriizjes goedkeap en ‘feitelijk niets anders dan een aaneenrijging van losse gevallen’. Wat oerbliuwt om te wurdearjen is eins inkeld Dykstra syn ymposante fertelkeunst.Wumkes, “Waling Dykstra,” 94, 7, 99, et passim.

Jan Piebenga notearret yn 1939 dat Dykstra it ortodokse fermidden yn de Ulespegel ‘hwat karikaturael útbylde’. By it bespotlik meitsjen fan ‘nei-aperij, greatdoggerij en alle poeha’ hat Dykstra neffens Piebenga ‘mar ien doel foar eagen: de sin foar ienfâld en wierheit to forsterkjen’. It neidiel dêrfan, seit er, ‘wie fansels, dat er syn wierheit jimmer de wierheit achte te wêzen’. Sadwaande krijt syn ‘libbenswysheit’ wat in ‘toar, bigrinzge en boargerlik foarkommen’. Ek liket Piebenga it Dykstra kwea ôf te nimmen dat ‘syn wurk de miening der ynbrocht, dat it Frysk fral foar ûntspanning, wille en formeits tsjinje moast’. Dykstra bliuwt oan de bûtenkant. Wol kin er it folkslibben skerp waarnimme en werjaan, wol hat er in fyn ear foar it ‘forbân tusken tael en folksaerd’, mar de ‘folkssiel’ mjitte docht er ‘earder yn de breedte as yn de djipte’. En, lang om let: Dykstra, dy’t mear as folle oaren ‘slachtoffer fan de tiid’ wurden is, hat ‘de him tabitroude talinten spitigernôch net yn it aventûr fan it leauwe fordûbele’.Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, [1939] 2e útwr. ed. (Drachten: Laverman, 1957), 138, 141, 146 en 148.

De hjir oanhelle karakterisearringen sille letter net werklik mear wizige wurde. Yn it Lyts hânboek fan Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof komt Dykstra nei foarren as de ‘grutte master’ fan it ‘sljochte fotografearjen mei wurden’. Fansels is der syn striid tsjin de ‘folksûndeugden’, mar dy moat it ‘leafst “grappich” foarbrocht wurde.’ Dykstra is de lieder ‘en tagelyk de belicheming fan dizze behâldende, registrearjende en mear delbêdzjende as oanpoenende rjochting’. Opmurken wurdt noch ‘hoe behyplik útfallen’ Dykstra syn Rinkelbel en Ulespegel binne as it om komposysje en psychology giet, ‘it earste stik wol minder slim as it oare’.Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, 2e útwr. ed. (Ljouwert Afûk, 1997), 47, 50 en 54.

Yn neifolging fan Dykstra/Oldenhof neamt Tineke Steenmeijer-Wielenga yn it ‘Wolkeboek’ Waling Dykstra de ‘kampioen van het realisme’ en in skriuwer dy’t syn lêzers benammen by- en ferljochtsje woe. Syn wurk wie populêr, mar dat fan de Halbertsma’s (sammele yn Rimen en teltsjes, 1871) wie bettter: ‘hij miste toch wel hun ruime blik, eruditie, humor en originaliteit’. As it tema fan de Ulespegel neamt Steenmeijer-Wielenga ‘de sociale toestand in Fryslân in de eerste helft van de negentiende eeuw’; Hantsje Pik fertelt ‘wat er zoal voor kon vallen in een dorp onder boeren, burgers en buitenlui’ en jout dy saken realistysk wer fanút syn eigen fisy. Dykstra ‘had het geloof van zijn voorvaderen afgezworen en was rationalistisch en liberaal geworden.’Tineke Steenmeijer-Wielenga, “Meer literatuur voor meer mensen: Van 1822 tot 1915,” yn Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur, red. Teake Oppewal et al. (Amsterdam: Bert Bakker, 2006), 76 en 79. Fan in werklike konfrontaasje mei de polityk-sosjale kontekst fan de tiid is likegoed ek by Steenmeijer-Wielenga gjin sprake; foar de subversive kanten fan it boek vis-à-vis de standemaatskippij yn de earste helte fan de 19e ieu is gjin each. As lêste bewiis fan de iensidige resepsje fan it wurk fan Waling Dykstra wiis ik noch op de ‘skriuwersbiografy’ op sirkwy.nl; de earste de bêste debutant yn de Fryske literatuer krijt op dy site noch mear romte taparte as Dykstra. It oardiel is dêr koart en goed: ‘Hy wie in bejeftige ferteller en in flotte, mar wol slim moralisearjende dichter. Syn stikken hiene gjin psychologyske djipgong of boeiende struktuer en wiene yn har ideewrâld frijwat befêstigjend.’“Dykstra, Waling,” Sirkwy: Fryske literatuerside, lêste wiziging 8 juny 2004, http://www.sirkwy.nl/titel/82#.VQLJWY6G9t4.

image
Mei fysiognomyske diagnoaze fan Van der Schaaf, 1977, s. 89.

Resumearjend lykje trije streamingen har ôf te tekenjen yn it beoardieljen fan Waling Dykstra syn skriuwerskip. Der binne kritiken mei in kristlike ynstek, mei in bewegersynstek en mei in literêr-technyske ynstek. Wat se mienskiplik hawwe – men kin jin ôffreegje oft yn feite net de hiele Fryske bewegingsliteratuer in min ofte mear kristlik en yn alle gefallen kalvinistysk karakter hat - is dat Dykstra syn wurk omskreaun wurdt as ‘plat’ (gjin omtinken foar de ‘siele’), anty-klerikaal, moralisearjend (rjochte tsjin byleauwe en folkske ûndeugden), psychologysk tekoartsjittend, mei in behyplike struktuer en komposysje, en it is konservatyf (‘frijwat befêstigjend’). Yn it each rint dat yn net ien fan de hjir oanhelle kanonisearjende teksten de wikselwurking fan literatuer, tradysje, tiid en kontekst skôge wurdt. Yn it gefal fan de Ulespegel is dat in slim manko, dat it sicht op it plak fan it wurk yn de Fryske literatuer fierhinne weinimt.

Sûnt de Jongfriezen besteane der yn dy literatuer sjenrepolitike oerwagings dy’t laat hawwe ta in algemien-negative hâlding foar ‘folksskriuwerij’ oer. Dêrmei strykt ek lyk in struktureel tekoart oan fûneminteel literatuerûndersyk nei dy skriuwerij, kin men taheakje. Wat yn it ferhoalene bleau, is dat de Ulespegel net in roman yn 20e-ieuske opfetting is, en ek net in Bildungsroman yn 19e-ieuske opfetting – dêrom treft de moderne psychology-krityk ek gjin doel. It boek kin miskien it bêste de namme krije fan in skelmeroman en in 19e-ieuske moraliteit: in mear of minder realistysk ferhaal dat in krityske morele bedoeling hat, om de falskheid fan de reëel hearskjende moraal (maatskiplik, religieus) bleat te lizzen en oan te kleien.Ik basearje my hjirby op de ideeën fan Walter Benjamin oer de ferskillen tusken it 19e-ieuske ‘storytelling’, dat ûnder ynfloed fan yndustrialisearring en yndividualisearring ferdwûn, en de 20e-ieuske roman. Sjoch û.m. Walter Benjamin, “Der Erzähler. Betrachtungen zum Werk Nikolai Lesskows,” [1936] yn Gesammelte Schriften, fan Walter Benjamin, vol. 2 (Frankfurt am Main: Suhrkamp, 1977), 438-65.

Yn de folgjende paragraaf skets ik de figuer fan de skriuwer Waling Dykstra, de fertelling yn kwesty en syn haadfiguer Hantsje Pik.

Spegel fan it doarpske lytsboargerdom

De Ulespegel spilet sa likernoch yn de perioade 1820-1850, rûchwei fan it begjin fan it Keninkryk ôf oant it trochbrekken fan it liberalisme. It is de tiid fan de restauraasje, mar ek fan de begjinnende yndustrialisaasje en fan in opkommende lytse boargerij dy’t mear en mear fan him hearre lit. It is ek de lêste perioade fan de standemaatskippij mei syn klam op de ferhâlding master-learling. It is de tiid dat de ‘lytse man’ him krigeler bejout op it geastlike terrein en yn de Ofskieding (1834) in hachlike foarpost ynnimt foar it opkommende rasjonalisme oer. Op it plattelân binne de boeren hieltyd dúdliker de hearskers yn it sosjale en ekonomyske systeem; de adelike hegerein bliuwt wol grûneigner, mar ferhuzet út Fryslân wei.

Waling Dykstra syn earste tritich jier falle yn ‘e tiid gear mei dy fan Hantsje Pik. Hy is yn dy jierren in typyske ferstjintwurdiger fan de opstribjende middenstân: in griffermearde bakkerssoan út Froubuurt, letter sels bakker en keapman yn Spannum, fan 1856 ôf skriuwer, lettersetter en tydskrifteredakteur yn Frjentsjer. Ein fyftiger jierren makket er net inkeld de oerstap fan doarp nei stêd, mar ek fan middenstanner nei frijschwebende artistike profesjonal, en fan de ortodoksy nei de frijsinnichheid en it liberalisme – dat allegear presys yn de tiid dat er skriuwt oan de Ulespegel. Hy is dan boppedat krekt op ’e nij troud, wat in ‘skandaal’ fanwegen brocht – Dykstra en Afke Jans de Boer moasten trouwe.Philippus Breuker, “Oer skriuwer, boek en útjeften,” yn Waling Dykstra, De sulveren rinkelbel (Ljouwert: Utjouwerij Fryslân, 2003), 144.

Yn dizze tiid hat er, seker foar in liberaal, in grutte belangstelling foar de ‘geastlike’ kanten fan it libben. Syn soan J.W. Dykstra skriuwt dat syn heit ta de frijsinnichheid kaam is mei ûnder ynfloed fan de Dútse teolooch David Friedrich Strauss en de lektuer fan boeken as Kraft und Stoff (1855) fan Ludwig Büchner. Earder al koe er as begjinnend bestrider fan folks byleauwe telâne by skriuwers as Balthasar Bekker en Isaäc da Costa.Jan Walings Dykstra, Waling Dykstra, syn libben en syn wurk. Biskreaun fan syn soan J.W. Dykstra (Boalsert: Osinga, 1949), 50. Ek syn omgong mei de skriuwer Tsjibbe Gearts van der Meulen hat der ta bydroegen dat Dykstra frijer kaam te stean foar de ortodokse rjochting oer. In mylpeal yn de ûntwikkeling fan de frijsinnichheid yn Nederlân is de ynaugurele rede dy’t de teolooch Johannes Henricus Scholten yn 1840 hold oan it Frjentsjerter Athenaeum, mar of Dykstra dêrfan op de hichte wie is my ûnbekend. Faaks sille ek gewoan syn ûnderfiningen as bakker-tsjin-syn-sin yn it ortodokse Spannum meispile hawwe by syn weidriuwen fan de rjochtsinnicheid. In oare ynfloed kin de liberale en frysksinnige jurist Albartus Telting west hawwe; Dykstra en syn frou hierden in skoft in boppeferdjipping fan Teltings hûs oan de Foarstrjitte yn Frjentsjer.

Sa hat Hantsje Pik – bakkersfeint, letter bakker, en like kritysk foar sawol byleauwe as klerus en ortodoksy oer – dus wol wat fan Waling Dykstra sels. De Frîske Thîl Ulespegel is ta op sekere hichte in wjerspegeling fan sawol de liberale Zeitgeist as fan Dykstra syn eigen maatskiplike en geastlike Werdegang. It (yn ’e fierte) tasnijen fan Hantsje Pik nei it foarbyld fan Tyl Ulespegel, de midsieuske healwizeling dy’t alles en elkenien mei de gek beslacht, wie dêrby de gouden greep dy’t it mooglik makke om syn ûnderfiningen om te setten yn literatuer. De geastlike frijheid hie er al ferovere, no kaam it op de fiksjonele frijheid oan om de Fryske plattelânsmaatskippij en it doarpske lytsboargerdom – in sosjaal universum dêr’t er mei de ferhuzing nei Frjentsjer ek fysyk ôfstân ta nommen hie – op de kerrel nimme te kinnen.

Oer Tyl dalik mear; lit ús earst neier yn ’e kunde komme mei de dwerse dogeniet, Hantsje Pik.

De lytse duvel

‘Hantsje Pik’ (pik = swart) is in yn de 19e ieu noch gongbere bynamme fan de duvel; de útdrukking komt yn ûnderskate farianten (Heintje, Haantje) foar yn sawol Noard- as Súd-Nederlânske teksten fan de 17e ieu ôf.Sjoch û.o. “883. Heintje pik,” yn Nederlandsche spreekwoorden, spreekwijzen, uitdrukkingen en gezegden, vol. 1, fan F.A. Stoett (Zuphen: Thieme, 1923), 336-37. Al by syn berte is it mantsje yn de kontramine: hy hâldt net wer op fan gûlen. En yn de kontramine sil er bliuwe. Yn de Ulespegel, it ferhaal dat ferteld wurdt troch Hantsje Pik sels, krijt fan him elke ‘pylder’ fan de maatskippij de wyn fan foarren: op it foarste plak de boeren, mar ek boeresoannen, bakkers, dûmnys, skoalmasters, froulju fan losse seden, fjildwachters, frommen en ‘finen’ – allegear wurde se op ien of oare wize troch him foar de gek hâlden en bekritisearre. Hy is alsa net inkeld in liberale geast dy’t oer de Fryske greiden waait en de lytse boargerij mei humor op eigen falen wiist, mar dêrûnder leit wat skerpers: hy is ek de subversive bûtensteander, dy’t de hearskjende oarder begekket en der noch mei weikomt ek. In pear foarbylden fan de wize sa’t Hantsje Pik syn kunde beskriuwt binne dizze.

Oer bakker Sjoerd Stiif-fan-krinten fan Sloppegea, dêr’t er him bestelt as bakkersfeint: ‘As dy man syn dûbeltsjese bôllen, syn botsene bôltsjes of syn pofkes de minsken oanpriizgje woe, dan rôp er altyd: „stiif fan krinten!” Mar as de lju der yn snijden dan sieten de krinten sa fier fan inoar ou, dat se elkoar lang net biroppe koenen.’ (s. 35)

Oer de ‘gewoane’ dûmny fan Grienbuorren: ‘In domeny hiene wy net ienris om ‘e helt, hwant dy kaem om ’e tredde Snein ienkear by uzes op ‘e preekstoel om hwat to praten. Dat duorre, as foarlêzen, sjongen en al dy grappen der ôf rekkene waerden, net folle langer as in healûre. En dat hie sa’n útwurking, dat fan it bytsje minsken, dy’t kamen om der nei te harkjen, twa trêddeparten yn de sliep foelen en de oaren tochten jit mear om har kij as om de preek.’ (s. 31)

Oer boer Oebele Boates, dêr’t er bôle bringe moat: ‘Dat wie sa’n near-eagige bienbitige kearel, dy’t de earmhertigens en ynskrabbigens mei dúdlik skrift op ’t oansicht to lêzen stean hie. En dan wie ’t sa’n nijsgjirrige hin, dy’t oer alles hwat to jeuzeljen hie en sa eigenwiis spytgnyskje koe. Ik hie der in taeije mier oan as ik it trof dat hy yn ‘e hûs wie, hwant it brea dêr foel ek grif altyd hwat oer to sizzen.’ (s. 48)

Of oer de ‘fine’ foargonger-yn-oplieding Likele Slûchslim, dêr’t ‘ûnder de ôfskiedenen al drok it praetsje [oer] gyng, dat Likele skroar in oanfechtinge fan de kweade hawn hie. Dy wie him „forskenen” yn de gedaente fan in gnap jongfeint, om him to lokjen op de „wegen der weareldske lichtsinnichheid”. Mar Likele hie manmoedich de striid trochstien en de boaze út it fjild slein mei „de kracht der waerheid”. Likele hie de moarns yn de lytse tsjerke preke en al in hele bulte fan dy frjemde sake oanroerd. De minsken hienen skriemd, dat de tsjerke hie wol yn de triennen opdweild wurde kind. En nou seagen de fromme lju bysûndere heech by de feint op. Hja biskôgen him omtrint as in heilige; der wie al praet fan dat der in boekje fan yn ’t ljocht jown wurde soe.’ (s. 64)

It binne mar in pear fan in mannichte mooglike foarbylden sa’t Hantsje Pik de doarpske mienskip – yn it ferhaal hawwe doarpen meast optochte nammen, sadat de barrens oeral spylje kinne soene – ta libben bringt en tagelyk troch de mangel hellet. It giet dêrby net om in mienskip út in fier ferline, mar út syn eigen tiid. Hy docht dat mei spot en humor en dêrûnder leit in yndividualistyske hâlding dy’t derfoar soarget dat de tradisjonele sosjale en morele machtsposysjes ûnderfrege en ûnderwrot wurde. Dat kin pas bliken dwaan as men jin rekkenskip jout fan de fêste, fan God jûne maatskiplike oardering yn de earste helte fan de 19e ieu dêr’t it ferhaal yn spilet. De boer bygelyks wie de god fan it doarp en dûmnys wil wie wet. De lytse man, ek de lytse ambachtsman, paste inkeld needrichheid en ynskiklikens en moai wis moast er fier bliuwe fan spotske fratsen mei in sosjaal boadskip.

Hantsje, de skuonmakkerssoan dy’t úteinlik sels bakker wurdt, is it sân yn de masine, de opstannige ‘lytse duvel’ yn it sosjale systeem, revolúsjonêr en realist yn ien persoan ferienige, dy’t inkeld fertrout op syn eigen skerpe ferstân, oardiel en rjochtfeardichheidsgefoel. Foar net ien giet er oan ‘e kant. Syn skoalmaster beskriuwt er as ‘in earste losse bruijer en in greate gek’ (s. 21). De fjildwachter fan Grienbuorren docht syn wurk net: ‘[A]s der ris in rêst bysbauwers op ‘e buorren of it fjild troch strúnden om de minsken lêst oan to dwaen, dêr bimuoide baes him net mei’ (s. 33). Nochris oer Sjoerd Stiif-fan-krinten: ‘Syn iene skouder hinge in heal foet leger as ’t oare; hy siet oan de earen ta yn in âlde rûge pet; hy seach mei ’t iene each yn ‘e Kúnder en mei ’t oare yn de Willemstêd en syn ûle wie omtrint sa great as syn oun yn de bakkerij. Gredske, syn wiif, siet by de tafel as in ûngemakke bêd.’ (s. 36). Oer boeresoan Pibe fan Andele Goaitses: ‘Dy Pibe wie sa’n fine spytgnysker. Elk dy’t er hwat geringer skatte as himsels, seach er mei in each fan forachting oan en dy koe er op syn wize wûndere moai de gek oanstekke. Hwant hy wie danige wiis yn syn eigen eagen; mar hy koe sels lang net altyd de gekken fan ‘e hûd keare’ (s. 51-52). Oer de dûmny fan Grienbuorren: ‘Us âlde domeny to Grienbuorren, dat ha ‘k al sein, dy wie net folle: it fragelearen wie dêr in gekkespul.’ (s. 75).

En sa giet it mar troch. De wize sa’t Hantsje Pik figueren beskriuwt dy’t op grûn fan harren plak yn de standemaatskippij fan dy jierren alle ‘rjocht’ hiene op in respektfolle bejegening troch in skuonmakkerssoan – en dat is noch ôfsjoen fan de fiten dy’t er mei de minsken úthellet – ferriedt net inkeld syn each foar minsklike karakterswaktes en in moraalprekerige driuw om byleauwe út te bannen, mar lit ek in fiergeande geastlike ûnôfhinklikens sjen, sadanich dat de lêzer fan hjoed him ôffreget oft in figuer as Hantsje Pik yn ’e werklikheid wol bestean kinnen hat. Dêrby wize syn namme en de ferliking mei Tyl Ulespegel dan ek nochris op in mear symboalyske wize nei it maatskiplik provokative karakter fan it ferhaal. Dat provokative wurdt fierder fuortsterke as men betinkt foar watfoar publyk Dykstra skreau. Syn Ulespegel waard lêzen troch it publyk dat yn de twadde helte fan de 19e ieu Frysktalich proaza lies: neist it frysksinnige part fan de hegere boargerij wiene dat benammen de boeren, de hânwurkslju, de skoalmasters en eventueel ris in dûmny; arbeiders en losrinnende wurklju liezen überhaupt net, lit stean Frysk. Dykstra hie dus presys it publyk dêr’t Hantsje Pik yn syn libbensskiednis oer skriuwt en dat er bekritisearret. Syn eigen liberalisme mei in swakke ôfspegeling west hawwe fan Hantsje syn radikale krityske praktiken, mar likegoed werkent men yn de anargistyske aventoeren fan de lêste noch wol de progressive aginda fan de earste.

Alsa komt der mei de Ulespegel yn de Fryske literatuer neist de grutboargerlike, romantyske en gauris wat weemoedige irony fan Joast en Eeltsje Halbertsma in oar perspektyf nei foarren: dat fan literatuer as frije en aktuele, polityk-sosjale krityk-fan-ûnderop. It mei sa wêze dat Waling Dykstra krekt dêrom it rjochtsinnige part fan de Fryske befolking fan syn skriuwerij ferfrjemde, lykas syn skriuwersmaat Tsjibbe Gearts van der Meulen dat ek dien hat. Tagelyk liket it moai wis dat er – hoewol’t er sels noait ‘read’ wurden is – benammen mei it egalisearjend engaazjemint yn de Ulespegel in paadwizer west hat foar it lettere anargisme en sosjalisme yn Fryslân. Undersyk is dêr by myn witten noch net nei dien. In reden te mear om it alles oerhearskjende omtinken foar it wurk fan de bruorren Halbertsma no hast mar ris as in behyplike saak te sjen.It is tekenjend dat Philippus Breuker it haadstik oer Waling Dykstra yn syn ferline jier ferskynde stúdzje Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875 (Ljouwert: Wijdemeer, 2014) ôfslút mei in lofpriizging op nota bene it wurk fan Eeltsje Halbertsma. Wat de bydrage fan Dykstra oan it Fryske kultuernasjonalisme west hat, wurdt net nei frege. Ek yn de bekende stúdzje fan Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda: Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Ljouwert, Fryske Akademy, 1998) spilet Dykstra gjin rol; syn namme komt íen kear yn it register foar.

Tyl op syn Frysk

Sa’t de Dútse Till – basearre op fyftjinde-ieuske folksferhalen út Niedersachsen – him beweegde op de râne fan de midsieuwen en de Nije Tiid, en yn de botsing fan plattelânskultuer mei de doe opkommende stêden, sa beweecht Hantsje Pik him op it skiedsflak fan in noch sterke, mar al ferrinnende standemaatskippij en de boargerlik-liberale steat mei in ynformele seedlike sensuer.Oan it beskavingsoffinsyf fan de 19e ieu droegen lêssealen, lêsferieningen en de lienbibleteken dy’t yn 1850 opkamen by mei it skeppen fan in offisjeuze seedlike sensuer. Sjoch Boudien de Vries, “De leenbibliotheek als instrument fan informele censuur, 1850-1920,” yn Boeken onder druk, red. Marita Mathijsen (Amsterdam: Amsterdam University Press, 2011), 89-103, dêre 89 et passim. Dykstra docht yn syn foaropwurd fan de earste fjouwer printingen, fan 1860 ôf, war om de lêzer te ferdútsen dat er syn Hantsje Pik ‘allinne dêrom dy namme joun [hat], dat er . . . allerhande nuvere onderfiningen hie . . . mar oars, nei ’k mien heel end al net op him liket’ en dat er gjin ‘gemiene streken’ úthellet, en dat yn syn boek gjin ding oantroffen wurde kin dat ‘de sin for ’t botte en onskiklike oantreaastje ken, of de goede seden hinderje.’ It makket dyselde lêzer fansels inkeld mar nijsgjirriger. En dan heakket de skriuwer oan syn downplaying noch fyntsjes ta: ‘Earder scoe ’k ha wolle, scil immen dy opmerkt hier en dêr yet wol in goede learing fine kenne .’Waling Dykstra, foaropwurd foar De Frîske Thîl Ûlespegel, of De wonderlike libbensskiednis fen Hantsje Pik: Fen him sels biskrieun en in 't liocht jown fen Waling Dykstra (Frjentsjer: Telenga, 1860), n.p, lêste side fan de trije.

De ynjouwing om krekt Tyl Ulespegel as protagonist te nimmen dy’t kommentaar leveret op syn eigen tiid en kultuer, sil in tal jierren letter ek de Waalske Belch Charles de Coster (1827-1879) krije. De Coster, ek in liberaal, werskriuwt de Ulespegel-ferhalen ta in Flaamsk nasjonaal epos (La légende et les aventures héroiques, joyeuses et glorieuses d'Ulenspiegel et de Lamme Goedzak au pays de Flandres et ailleurs, 1867). Ulespegel wurdt dêryn presintearre as in held yn de 16e-ieuske striid yn de Súdlike Nederlannen tsjin de Spanjaarden. By Dykstra is Hantsje Pik gjin histoaryske figuer: de Fryske Ulespegel libbet yn it hjir en no. In oar ferskil is dat er net portretearre wurdt as in Frysk-nasjonale held; Hantsje Pik hat net op it foarste plak in nasjonalistyske, mar in polityk-sosjale en yndividueel-emansipearjende spegelfunksje.

It kontroversiële yn it folkskarakter hat Dykstra grif oansprutsen. Tyl is al lang in bekende kornút yn de Nederlannen en foar’t er oan it ein fan de 19e ieu definityf nei de berneboeken ferballe waard wie syn reputaasje net sûnder wryt of slyt. Nei’t de stedssiktaris fan Braunschweig, Hermann Bote, om 1500 hinne in tal Eulenspiegelferhalen sammele en optekene hie yn in boekútjefte, fûn Tyl al gau syn paad troch Europa – ta grut sjagryn fan sawol de katolike as de protestantse klerus. ‘Tijls spot met vertegenwoordigers van de kerk leverde hem in de zestiende eeuw een plaats op de index op,’ skriuwt Sanne Parlevliet yn har proefskrift Meesterwerk met ezelsoren. ‘Ook katholieke en protestantse volkspredikanten in de zeventiende eeuw vervloekten de verhalen.’Sanne Parlevliet, Meesterwerk met ezelsoren: Bewerkingen van literaire klassiekers voor kinderen, 1850-1950 (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Hilversum: Verloren, 2009), 169.

Tyl wie populêr ûnder de befolking, wat net foarkomme koe dat útjouwers en bewurkers allerhanne passaazjes skrapten om de ferhalen ûnskuldiger en akseptabeler te meitsjen. Har populariteit ûntlienden de Tyl-ferhalen benammen oan de omkearing fan sosjaal akseptearre gedrach dy’t deryn plakfynt. Yn de sechstjinde ieu wie it proses fan fatsoenearring fan de maatskippij begûn, neffens Parlevliet, en sintraal dêryn stie affektbehearsking.Parlevliet, Meesterwerk met ezelsoren, 170. Tyl docht dêr net oan mei en gniist it hurdst as er útlokket dat ek de hegerein him net ynhâlde kin. Dat anargisme wiist Parlevliet oan as syn hannelsmerk: ‘Tijl drijft de spot met alles wat in de late middeleeuwen de gevestigde orde vertegenwoordigde: de adel, de handelsheren, de meesters van de grote gilden en de geestelijken. Hij vertegenwoordigt de loslopende landarbeider, die van het platteland naar de stad trekt en moet ondervinden wat het betekent om zich als loonarbeider te verhuren. Loonarbeiders waren afhankelijk van de grillen van de gildemeesters en hadden er geen uitzicht op ooit hogerop te komen. Als vorm van „literair verzet” neemt Tijl daarom menig meester bij de neus.’Parlevliet, Meesterwerk met ezelsoren, 222.

De parallellen mei Hantsje Pik binne dúdlik genôch. Hantsje spot mei de machthawwers, nimt as learling masters op ‘e hakke, mar letter, as er sels bakker is, rint er ek tsjin de needsaak oan om boeren en bûtenlju te freon te hâlden. Humor en poetsebakkerij is yn sa’n sitewaasje al gau de iennichste útwei foar krityk. De assosjaasje yn it folksleauwe fan Hantsje Pik mei de duvel is sadwaande in tige funksjoneel wjerlûd fan de spotske ladeljochter Tyl, de kweageast dy’t de skrik is fan de boargerij. Neffens de Dútse histoarikus en Eulenspiegel-kenner Bernd Ulrich Hucker waard Tyl yn syn eigen tiid sjoen as in ‘verkapte duivel’.Bernd Ulrich Hucker, sit. yn Sonja Zöller. “Der Schalk in der entfremdeten Gesellschaft: Dil Ulenspiegel als anachronistische Figur,” yn Till Eulenspiegel in Geschichte und Gegenwart, red. Thomas Cramer et al. (Bern: Peter Lang, 1978), 26.

Heinrich Heine en Peter Sloterdijk

Alsa slút de Ulespegel oan by in Europeeske literêre tradysje. En net inkeld dat: Waling Dykstra is by myn witten ien fan de earsten yn Europa dy’t de figuer fan Eulenspiegel folslein omfoarmet en omskriuwt foar eigen gebrûk. Oan de oarder kaam al dat yn België De Coster dat krekt sân jier letter pas die. It is op ‘e nij in kwaliteit fan de Ulespegel: it iere oanfielen fan de geast fan de tiid.

Likemin algemien bekend is dat romantysk skriuwer, dichter en radikaal-liberaal publisist Heinrich Heine (1797-1856) it plan hân hat foar likernôch sa’n selde Tyl-omfoarmjend ûndernimmen as dat fan Dykstra. Neffens syn freon Adolf Stahr hat Heine him dêr yn 1856 oer útlitten: ‘Ich wollte das Gedicht [it orizjinele Eulenspiegel-boek, AdV] in die Form kleiden, als ob ich selber herumreise, alle Notizen über Eulenspiegel zu sammeln, und ich wollte das auch so gründlich tun, dass die Antiquare es für ein gelehrtes Werk hätten halten mögen; dazwischen wollte ich alles sagen, was ich irgend auf dem Herzen hatte.’Johannes Binotto, “Ein Eulenspiegel der totalen Kritik: Zum 150. Todestag der unfassbaren Heinrich Heine,” Der Landbote (Switserlân), 13 desimber 2006; krigen 27 desimber 2015, http://www.binotto.ch/johannes/Artikel/Eintr%C3%A4ge/2006/12/13_Ein_Eulenspiegel_der_totalen_Kritik%3AZum_150._Todestag_des_unfassbaren_Heinrich_Heine.html. Heine kaam lykwols te ferstjerren foar’t er dwaan koe wat Waling Dykstra op syn eigen wize dien hat: rûnreizgje en fia de figuer fan Eulenspiegel maatskiplike krityk leverje op wat yn syn eagen net doogde.

Heine stie mei syn fassinaasje foar Ulespegel yn dy tiid net allinnich. Krityk yn de foarm fan satire, dêr’t altyd ek humor mei mank is, is yn de sechstiger en santiger jierren fan de 19e ieu yn mear lannen populêr en Ulespegel belibbet yn dy tiid suver in renêssânse. Sawol yn België as yn Nederlân dûke yn it midden fan de ieu satiryske tydskriften op dy’t Uilenspiegel hjitte; it iene wurdt oprjochte troch sjoernalisten fan it emininte Amsterdamske Handelsblad, en yn it Belgyske tydskrift publisearret De Coster dan syn earste Frânstalige ferhalen oer de Flaamske Uilenspiegel.It Nederlânske wykblêd Uilenspiegel - Humoristisch-Satirisch Weekblad (Rotterdam: Nijgh en Van Ditmar) wie liberaal, antyklerikaal en antysosjalistysk, it ferskynde fan 1870 oantemei 1916 en hie om 1880 hinne in oplage fan 2800. Yn België waard Tyl al earder, yn 1856, de nammejouwer fan sa’n blêd: Uylenspiegel: Journal des ébats artistiques et littéraires, dat oantemei 1860 ferskine soe. Yn dy satiriyske kontekst kin de humor fan Hantsje Pik, hoewol folks-direkt en yn guon eagen faaks plat, hiel goed sjoen wurde as kritysk gnizen. It is fan it type dat yn ús eigen tiid de Dútse filosoof Peter Sloterdijk yn syn bekende Krityk der zynischen Vernunft der ta brocht om Till Eulenspiegel te sketsen as in ‘kynyske’ figuer, ien fan it neiteam fan Diogenes.Peter Sloterdijk, Krityk der zynischen Vernunft, vol. 1 (Frankfurt am Main: Suhrkamp, 1983), 272: ‘Eulenspiegel ist das moderne Modell des Kynikers, ein Aufklärer der groben Richtung, der selbst vor Prügeleien nicht zurückschreckt. Er versteckt seinen Schadenfreude nicht unter Wohlerzogenheit, wie es die feinsinnigeren Aufklärer des spiessbürgerlichen Zeitalters tun, und es macht ihm Spass, die Dummen zu entlarven und zu blamieren.’

Waling Dykstra revisited

image
Charles de Coster & Frans Masereel, La légende d’Ulenspiegel.

Bjusterbaarlik troffen hat Waling-om it net mei de literatuer dêr’t er yn skreau. Doe’t er yn 2014 hûndert jier wei wie, kraaide der gjin hoanne nei en waard der gjin hin oars fan. It bleau by in twatal ferplichte krantestikjes. Foar it betinken fan de berte fan Douwe Kalma syn Jongfryske Mienskip yn 1915 is yn 2015 gâns grutter plak ynromme, mei in sympoasium en in bondeling fan essays yn in boekpublikaasje. Fansels, de grutte Waling Dykstra (1821, Froubuurt – 1914, Holwert) wurdt yn ’e regel wol priizge as de twadde rêder fan it Frysk, nei Gysbert Japicx. Hy is ek de Fryske Hendrik Conscience; de man dy’t mei syn net te tellen safolle publikaasjes en syn monumintale wurdboek syn folk it Frysk lêzen én skriuwen leard hat. Boppedat is er mei syn Winterjounenocht de grûnlizzer fan in noch altyd libbene Fryske toanielkultuer. Mar dêrmei hâldt de lof foar Dykstra ek wol sa’n bytsje op. As literatuer – as Keunst – bliuwt syn wurk yn de eagen fan syn kritikasters ûnder de mjitte. It is úteinlik mar ‘folksskriuwerij’ ommers: goed ferteld, mar óf tefolle rjochte op fermeits óf te plat-moralistysk.

Yn de essaybondel Douwe Kalma yn piama (2005) hat Doeke Sijens alris wiisd op de ûnderwurdearring fan Dykstra, benammen fan syn twadde ‘roman’ De Frîske Thîl Ulespegel, of De wonderlike libbensskiednis fan Hantsje Pik (1860; twadde diel 1862).Waling Dykstra, De Frîske Thîl Ûlespegel, of De wonderlike libbensskiednis fen Hantsje Pik: Fen him sels biskrieun en in 't liocht jown fen Waling Dykstra (Frjentsjer: Telenga, 1860); Waling, Dykstra, De libbensskiednis fen Hantsje Pik nei sîn troudei, of It oarde boek fen Frîske Thîl Ûlespegel: În 't liocht jown fen Waling Dykstra (Frjentsjer: Telenga, 1862); Doeke Sijens, Douwe Kalma yn piama. En oare stikken oer de Fryske literatuer (Boalsert: Koperative Utjowerij, 1983), 204: ‘De Frysce Thyl Ulespegel fan Waling Dykstra hat lang populêr west, mar sûnt 1953 is it net wer printe. Waling Dykstra leit ek op in minne namme. Hy soe it prototype fan in folksskriuwer wêze, eamelich en wurdryk.’ Sijens wol hawwe, de Ulespegel is eins in better boek as Dykstra syn earsteling, it letter yn de rige Fryske Klassiken opnommen De sulveren rinkelbel (1856). Foar dat oardiel brûkt er lykwols deselde skriuw- en romantechnyske arguminten dêr’t de Ulespegel op ôfrekkene waard; hy seit bygelyks dat it plot fan De sulveren rinkelbel net doocht en dat de karakters yn de Ulespegel dochs wol út ’e ferve komme. ‘Wa’t mient dat syn boeken fêst psychologysk tige primityf binne krijt ek gjin gelyk. Wis, it dolt allegear net sa djip, mar alle tipen binne – yn ‘e wrâld dy’t er opropt – oannimlik’.Doeke Sijens, Douwe Kalma yn piama, 204.

Sijens hat gelyk, mar der binne oare, neffens my twingender en oertsjûgjender redenen foar in nij pleit foar Hantsje Pik. Dy binne benammen te finen yn it engaazjemint en de polityk-sosjale kontekst fan de Ulespegel: de krityske belutsenens op de Fryske plattelânsmaatskippij fan de earste helte fan de 19e ieu. Dêr komt by de foar de krityske funksje fan it ferhaal folle betsjuttende ferliking tusken haadfiguer Hantsje Pik en de ferneamde midsieuske Bürgerschreck Tyl Ulespegel. Dykstra’s Ulespegel ferhâldt him op subversive wize mei de maatskippij dêr’t it ferhaal wat oer seit, in nijsgjirrich aspekt dêr’t oan no ta te min oer opmurken is.Eksimplarysk is hoe’t Trinus Riemersma, Proza van het platteland: Een onderzoek naar normen en waarden in het grotere Friese proza van 1855-1945 (Dissertaasje, Vrije Universiteit, Boalsert: Koperative Utjowerij, 1984) de planke misslacht wat Dykstra’s Ulespegel oanbelanget. Dat blykt op s. 115, dêr’t Riemersma it ferhaal typearret as yn feite in boargerlike kommeedzje. ‘Dit verhaal geeft een opsomming van de grappige streken die een overigens zeer gezagsgetrouwe en burgerlijke jongeman uithaalt. Van het reële, dagelijkse leven blijkt wel iets, maar dit is toch marginaal.’ Om’t Riemersma it ferhaal net analysearret yn syn maatskiplike kontekst, en de 19e-ieuske realiteit fan stande- en klassetsjinstellingen (in realiteit dy’t Hantsje Pik-Dykstra lykwols útdruklik oanfalt) en syn konsekwinsjes foar de literatuerkrityk net beneamt, kin er de figuer fan Hantsje Pik net oars sjen as dat er docht. Dat it boek him tagelyk noflik nêstelet yn de Europeeske literêre tradysje fan it skelmeferhaal is dêrby likegoed in opfallend – it sjenre komt fierder amper foar yn de Fryske literatuer – en net útdjippe skaaimerk.

Al te maklik wurdt folksskriuwer Waling Dykstra sawat inkeld ôfrekkene op syn populistyske effektbejach en breaskriuwerij. Dat soks foar in part fan syn grutte oeuvre miskien terjochte is stiet net yn ’e kiif, it mei lykwols net it ûndersnijen fan syn belangrykste wurk fan gefolgen hawwe. Presys dat, mei de konklúzje wêze, is yn it gefal fan de Ulespegel bard. Foar in part lykje by de hjir oanhelle kanonisearders literatuer-politike ympulsen in rol spile te hawwen. Op it foarste plak it ûnfermogen yn de otterdokse hoeke om fierder te sjen as Dykstra syn festjespuien tsjin de ‘finen’, mar likegoed it Walingblyn-wêzen yn rûnten fan Fryske bewegers-fernijers. Foar in oar part telt ek in beskate iensidichheid yn de Fryske literatuerskriuwerij mei, in ûnlykwicht dat him uteret yn in klam op tekst en minder op kontekst en yn in beoardieljen fan de 19e-ieuske ‘folksskriuwerij’ mei de mjitstêven fan de moderne roman en de eigen tiid. Tel dêrby noch op de tradisjonele grutboargerlike fassinaasje foar de ferfine hege keunst fan ‘de Halbertsma’s’, en Waling-om’s minne namme is dúdlikernôch ferklearre.

Yn dat ljocht ha ik besocht oannimlik te meitsjen dat alteast in part fan Dykstra syn wurk mei frisse eagen besjoen wurde moatte soe. Wat soe in ûndersyk nei de resepsjeskiednis fan de Ulespegel net wolkom wêze – wa lêze it, wa skriuwe der oer, en wat hat de literêre ferbylding der letter fan makke? Hoe hat de opstannichheid fan Hantsje Pik tsjin sawol moreel as maatskiplik gesach in ferfolch krigen yn it wurk fan Dykstra? Watfoar foarbylden kinne meispile hawwe by de foarming fan it idee foar it boek – miskien wol it sjong- en toanielstik fan de Ljouwerter katoenfabrikant Anastatius Josephus Bruinsma, Thijl Uilenspiegel of de vorst Incognito te Vinkeveen. Boertig zangspel in drie bedrijven (Meindersma, Leeuwarden 1844)? Dizze A.J. Bruinsma wie de heit fan de lettere links-liberale sjoernalist Vitus Bruinsma.

It sosjale engaazjemint dat út de Ulespegel sprekt, is dat net like radikaal as dat fan de Max Havelaar – ek yn 1860 ferskynd – al is de útwurking dan ek folslein oars? It iene is (ek letterlik) in folksferhaal, it oare in komplisearre konstruksje. De fiten fan Hantsje Pik inkeld te beskôgjen as lytsboargerlik moralisme fan in liberale folksopfoeder en sedepreker soe yn alle gefallen foarby gean oan harren ymplisite polityk ûntrêstigjende karakter. Hy is op dat nivo yndie de anargistyske lytse duvel, dy’t op boartlike wize elke autoriteit ûntkent. Alteast, dat is in kant fan Hantsje. It makket ek it kontrast mei de Rinkelbel sichtber, it eardere ferhaal fan Dykstra dêr’t it demokratysk patriotisme fan om 1790 hinne yn Stiens yn begekke waard (ûnder ynfloed fan de ferhalen fan syn oranzjistyske pake út Froubuurt). It is in ruk nei ‘links’ dy’t er yn syn Frjentsjerter perioade meimakket; dêr sil yn Spannum al in begjin mei makke wêze. Net tafallich is it ek de tiid dat er de ortodoksy ynruilet foar de frijsinnichheid.

Dochs leit oer de Ulespegel yn al syn libbenens ek wat fan de gloede fan in slútstik, in ôfskied fan it doarp, heimwee, in lêste skildering fan in perioade dy’t foarby is. Sit dat ek net yn de toan, sels noch yn ús earen, dy’t Dykstra wit te treffen? Hy nimt jin yn in eachwink yn foar syn heldere taal, dêr’t yn ús eigen tiid inkeld noch in púnfal fan oerbleaun is - syn âlde fioele, dy’t er masterlik brûkt om de dingen altyd krekt wat moaier en byldriker as in oar te sizzen. Dêrby hat de Ulespegel wat fan in lêste omgong: Hantsje Pik komt yn ûnderskate doarpen en streken en rint en riidt op boerekarren hiel wat ôf, hy bedarret sels yn East-Fryslân. It is in libben dat Dykstra sels ôfsletten hie, in libben as hannelsreizger anneks keapman of gewoan marserinder. Hy ynventarisearret yn syn libbensskiednis fan Hantsje Pik de minskekennis dy’t er yn syn Spannumer jierren ûnderweis opdien hat, en opdwaan koe simpelwei om’t er leaver gjin bakker bleau.Sa is de beskriuwing fan it skoalûnderrjocht op s. 15 e.f. fan de Ulespegel (Frjentsjer: Telenga, 1908) ûntliend oan Dykstra syn eigen ûnderfiningen op de legere skoalle yn Spannum, dêr’t er hinne gie yn perioaden dat er úfanhuze by syn mem yn dat doarp. Melding yn Dykstra, Waling Dykstra, 165.

Sa kin it boek op it earste each miskien benammen ferskine as it Frjentsjerter, dus grutske en fernimstige en opstannige, adieu fan in doarpsman oan syn âlde libben. It is yn dy sin in belutsen weromsjen, út deselde twang wei om konservearjend te fertellen as dy’t folle letter wer ta utering komme sil yn syn antropologyske samling gewoanten en ferhalen Uit Friesland’s volksleven (1895). Mar yn syn maatskiplike en literêre kontekst besjoen ûntstiet in oar, aktiver byld. Dan wurdt helder dat de Ulespegel syn tiid krekt foarút is, sa’t it in moraliteit fan miskien wol Europeeske alluere past dy’t de wenstige maatskiplike koades fan syn eigen ieu op mikronivo trochbrekt. Yn prachtich Frysk kundiget dizze moderne moraliteit in nije tiid oan mei syn skepping fan in geastlike en literêre romte foar it yndividuele, dat wol sizze safolle mooglik machtsfrije oardiel. It sil de muoite wurdich wêze om nei te gean oft dy fassinearjende konservatyf-anargistyske dûbelheid by de liberaal Waling Dykstra noch op mear plakken as yn de Ulespegel oan te treffen is.De anty-klerikale hâlding en krityk op skynfrommens en hypokrisy fynt men yn alle gefallen ek werom yn Waling Dykstra, Oebele Glûper: Blyspil yn fiif bidrjuwen (Ljouwert: Kuipers, 1875), it toanielstik dat in ferfrysking is fan Molière’s 17e-ieuske stik Tartuffe.

De Ulespegel is de wikel ûnder de 19e-ieuske Fryske mosken. As Trinus Riemersma yn syn proefskrift de 19e-ieuske Fryske romans en ferhalen karakterisearret, skriuwt er by wize fan konklúzje dat de hanneling fan de Ulespegel ‘er op gericht [is] de goede orde te herstellen en de vrede en de rust te doen terugkeren’.Riemersma, Proza van het platteland, 256.> Efkes fierder merkt er op dat er tusken al dat regionalistysk konformisme fansels wol ‘werken [zijn] die incidenteel iets dieper graven en van kritische zin doen blijken’, mar dêr heart de Ulespegel neffens him net by.Riemersma, Proza van het platteland, 258. Sjoch ek noat 3. Nei it foarôfgeande mei it lykwols dúdlik wêze dat it boek just ien fan de opfallendste útsûnderingen op Riemersma syn regel is en allinnich al dêrom in unike fertelling yn de 19e-ieuske Fryske literatuer.

Wat noch te sizzen fan de proto-anargist út Grienbuorren? Dat er it mar troffen hat mei syn boeredochter Welmoed. Dat er op lyts formaat grutte, want krityske en noch altyd libbene literatuer skreaun hat. En dat syn opstannige geast miskien noch yn de Fryske kriten omwaret en dêr sa no en dan hilaryske fiten úthellet, nettsjinsteande it grutte glêdstriken fan syn sinnebline dissiplinearders.

Noaten

  1. Waling Dykstra, De Frîske Thîl Ûlespegel, of De wonderlike libbensskiednis fen Hantsje Pik: Fen him sels biskrieun en in 't liocht jown fen Waling Dykstra (Frjentsjer: Telenga, 1860); Waling, Dykstra, De libbensskiednis fen Hantsje Pik nei sîn troudei, of It oarde boek fen Frîske Thîl Ûlespegel: În 't liocht jown fen Waling Dykstra (Frjentsjer: Telenga, 1862); Doeke Sijens, Douwe Kalma yn piama. En oare stikken oer de Fryske literatuer (Boalsert: Koperative Utjowerij, 1983), 204: ‘De Frysce Thyl Ulespegel fan Waling Dykstra hat lang populêr west, mar sûnt 1953 is it net wer printe. Waling Dykstra leit ek op in minne namme. Hy soe it prototype fan in folksskriuwer wêze, eamelich en wurdryk.’
  2. Doeke Sijens, Douwe Kalma yn piama, 204.
  3. Eksimplarysk is hoe’t Trinus Riemersma, Proza van het platteland: Een onderzoek naar normen en waarden in het grotere Friese proza van 1855-1945 (Dissertaasje, Vrije Universiteit, Boalsert: Koperative Utjowerij, 1984) de planke misslacht wat Dykstra’s Ulespegel oanbelanget. Dat blykt op s. 115, dêr’t Riemersma it ferhaal typearret as yn feite in boargerlike kommeedzje. ‘Dit verhaal geeft een opsomming van de grappige streken die een overigens zeer gezagsgetrouwe en burgerlijke jongeman uithaalt. Van het reële, dagelijkse leven blijkt wel iets, maar dit is toch marginaal.’ Om’t Riemersma it ferhaal net analysearret yn syn maatskiplike kontekst, en de 19e-ieuske realiteit fan stande- en klassetsjinstellingen (in realiteit dy’t Hantsje Pik-Dykstra lykwols útdruklik oanfalt) en syn konsekwinsjes foar de literatuerkrityk net beneamt, kin er de figuer fan Hantsje Pik net oars sjen as dat er docht.
  4. Geart Aeilco Wumkes, “Waling Dykstra, 14 Aug. 1821-15 Jan. 1914,” De Vrije Fries 22 (1914): 92-104, dêre 93 en 95. Radikaler oer Dykstra en de 19e-ieuske ‘folksskriuwerij’ yn rûnten fan it Kristlik Frysk Selskip is Eeltsje Boates Folkertsma, “Nei trettjindeheal jier,” De Holder (1926-1929, ûnderskate ôfleveringen).
  5. Wumkes, “Waling Dykstra,” 94, 7, 99, et passim.
  6. Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, [1939] 2e útwr. ed. (Drachten: Laverman, 1957), 138, 141, 146 en 148.
  7. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, 2e útwr. ed. (Ljouwert Afûk, 1997), 47, 50 en 54.
  8. Tineke Steenmeijer-Wielenga, “Meer literatuur voor meer mensen: Van 1822 tot 1915,” yn Zolang de wind van de wolken waait: Geschiedenis van de Friese literatuur, red. Teake Oppewal et al. (Amsterdam: Bert Bakker, 2006), 76 en 79.
  9. “Dykstra, Waling,” Sirkwy: Fryske literatuerside, lêste wiziging 8 juny 2004, http://www.sirkwy.nl/titel/82#.VQLJWY6G9t4.
  10. Ik basearje my hjirby op de ideeën fan Walter Benjamin oer de ferskillen tusken it 19e-ieuske ‘storytelling’, dat ûnder ynfloed fan yndustrialisearring en yndividualisearring ferdwûn, en de 20e-ieuske roman. Sjoch û.m. Walter Benjamin, “Der Erzähler. Betrachtungen zum Werk Nikolai Lesskows,” [1936] yn Gesammelte Schriften, fan Walter Benjamin, vol. 2 (Frankfurt am Main: Suhrkamp, 1977), 438-65.
  11. Philippus Breuker, “Oer skriuwer, boek en útjeften,” yn Waling Dykstra, De sulveren rinkelbel (Ljouwert: Utjouwerij Fryslân, 2003), 144.
  12. Jan Walings Dykstra, Waling Dykstra, syn libben en syn wurk. Biskreaun fan syn soan J.W. Dykstra (Boalsert: Osinga, 1949), 50.
  13. Sjoch û.o. “883. Heintje pik,” yn Nederlandsche spreekwoorden, spreekwijzen, uitdrukkingen en gezegden, vol. 1, fan F.A. Stoett (Zuphen: Thieme, 1923), 336-37.
  14. It is tekenjend dat Philippus Breuker it haadstik oer Waling Dykstra yn syn ferline jier ferskynde stúdzje Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875 (Ljouwert: Wijdemeer, 2014) ôfslút mei in lofpriizging op nota bene it wurk fan Eeltsje Halbertsma. Wat de bydrage fan Dykstra oan it Fryske kultuernasjonalisme west hat, wurdt net nei frege. Ek yn de bekende stúdzje fan Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda: Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Ljouwert, Fryske Akademy, 1998) spilet Dykstra gjin rol; syn namme komt íen kear yn it register foar.
  15. Oan it beskavingsoffinsyf fan de 19e ieu droegen lêssealen, lêsferieningen en de lienbibleteken dy’t yn 1850 opkamen by mei it skeppen fan in offisjeuze seedlike sensuer. Sjoch Boudien de Vries, “De leenbibliotheek als instrument fan informele censuur, 1850-1920,” yn Boeken onder druk, red. Marita Mathijsen (Amsterdam: Amsterdam University Press, 2011), 89-103, dêre 89 et passim.
  16. Waling Dykstra, foaropwurd foar De Frîske Thîl Ûlespegel, of De wonderlike libbensskiednis fen Hantsje Pik: Fen him sels biskrieun en in 't liocht jown fen Waling Dykstra (Frjentsjer: Telenga, 1860), n.p, lêste side fan de trije.
  17. Sanne Parlevliet, Meesterwerk met ezelsoren: Bewerkingen van literaire klassiekers voor kinderen, 1850-1950 (Dissertaasje, Ryksuniversiteit Grins, Hilversum: Verloren, 2009), 169.
  18. Id., 170.
  19. Id., 222.
  20. Bernd Ulrich Hucker, sit. yn Sonja Zöller. “Der Schalk in der entfremdeten Gesellschaft: Dil Ulenspiegel als anachronistische Figur,” yn Till Eulenspiegel in Geschichte und Gegenwart, red. Thomas Cramer et al. (Bern: Peter Lang, 1978), 26.
  21. Johannes Binotto, “Ein Eulenspiegel der totalen Kritik: Zum 150. Todestag der unfassbaren Heinrich Heine,” Der Landbote (Switserlân), 13 desimber 2006; krigen 27 desimber 2015, http://www.binotto.ch/johannes/Artikel/Eintr%C3%A4ge/2006/12/13_Ein_Eulenspiegel_der_totalen_Kritik%3AZum_150._Todestag_des_unfassbaren_Heinrich_Heine.html.
  22. It Nederlânske wykblêd Uilenspiegel - Humoristisch-Satirisch Weekblad (Rotterdam: Nijgh en Van Ditmar) wie liberaal, antyklerikaal en antysosjalistysk, it ferskynde fan 1870 oantemei 1916 en hie om 1880 hinne in oplage fan 2800. Yn België waard Tyl al earder, yn 1856, de nammejouwer fan sa’n blêd: Uylenspiegel: Journal des ébats artistiques et littéraires, dat oantemei 1860 ferskine soe.
  23. Peter Sloterdijk, Krityk der zynischen Vernunft, vol. 1 (Frankfurt am Main: Suhrkamp, 1983), 272: ‘Eulenspiegel ist das moderne Modell des Kynikers, ein Aufklärer der groben Richtung, der selbst vor Prügeleien nicht zurückschreckt. Er versteckt seinen Schadenfreude nicht unter Wohlerzogenheit, wie es die feinsinnigeren Aufklärer des spiessbürgerlichen Zeitalters tun, und es macht ihm Spass, die Dummen zu entlarven und zu blamieren.’
  24. Sa is de beskriuwing fan it skoalûnderrjocht op s. 15 e.f. fan de Ulespegel (Frjentsjer: Telenga, 1908) ûntliend oan Dykstra syn eigen ûnderfiningen op de legere skoalle yn Spannum, dêr’t er hinne gie yn perioaden dat er úfanhuze by syn mem yn dat doarp. Melding yn Dykstra, Waling Dykstra, 165.
  25. De anty-klerikale hâlding en krityk op skynfrommens en hypokrisy fynt men yn alle gefallen ek werom yn Waling Dykstra, Oebele Glûper: Blyspil yn fiif bidrjuwen (Ljouwert: Kuipers, 1875), it toanielstik dat in ferfrysking is fan Molière’s 17e-ieuske stik Tartuffe.
  26. Riemersma, Proza van het platteland, 256.
  27. Id., 258. Sjoch ek noat 3.

Mear fan Abe de Vries

‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie
1 2 3 4 5 6 7 8 9