name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

De histoarje fan de duvel en Watse Klop

Waling Dykstra, in folksferhaal en de skoalstriid
yn Noard-Fryslan

Abe de Vries - Fers2 nû. 3.5, 12 maart 2017

duvel waling dykstra

 

 

Yn de Nederlandse Verhalenbank is in bysûnder folksferhaal te finen dat by Feinsum yn it noarden fan Fryslân spilet. It is ien fan de mear as tritich ferhalen dy’t troch de ferhalesamler Daam Jaarsma út de mûle fan de Hijumer Durk KramerCJ112501. Bron: Collectie Jaarsma, verslag 1125, verhaal 1 (archief Meertens Instituut). Web: http://www.meertens.knaw.nl/medewerkers/theo.meder/cj/Jaarsma.html. Krigen 18 febrewaris 2017. optekene binne. In lytse arbeidersjonge út in húshâlding oan de Iestdyk tusken Hijum en Feinsum soe besit fan ’e duvel west hawwe, oant in duvelbander útkomst brocht. Yn fierrewei de measte gefallen binne sokke mûnling oerlevere stoarjes net mear ta in wierbarde skiednis werom te lieden, mar dat is hjir oars. It giet om in werfertelling fan in út kranten en in dichtstik fan Waling Dykstra te rekonstruearjen episoade yn de leauwe- en skoalstriid op it plattelân tusken Stiens en Hallum yn de santiger jierren fan de njoggentjinde ieu. Werklikheid, literatuer en folksferhaal kruse inoar.

Folksferhalen wurde konstruearre troch de yntelligintsia en drippe troch nei ûnderen, is in algemiene antropologyske teory. Mar in folklorist as de Eastenriker Albert Wesselski hat al dúdlik makke ‘that literary versions of a tale exercised an influence on its circulation so powerful as to invalidate any attempts to trace oral diffusion.’Richard M. Dorson, ‘Current folklore theories’, Current Anthropology, 4-1 (1963) s. 93-112. Skriftlike reproduksje feroaret it ferhaal. Yn it ferlingde dêrfan hat Jurjen van der Kooi konkludearre dat in protte oerleveringen yn Fryslân dy’t mûnling ferspraat waarden har oarsprong hiene yn skriftlike boarnen as almenakken, folksboeken en fabelsamlingen.Jurjen van der Kooi, Volksverhalen in Friesland. Lectuur en mondelinge overlevering: een typencatalogus Dissertatie Rijksuniversiteit Groningen (Stifting FFYRUG, Groningen 1984). Alfabetisearring feroarsake sadwaande in tanimmen fan it tal ferhalen dat oraal fierder jûn waard.

Behalve nei kwestys fan oarsprong, distribúsje en feroaring fan ferhalen wurdt ek stúdzje dien nei harren sosjale identiteits­represintaasjes. Folksferhalen drukke identifikaasje út mei sosjale groepen en kulturele prosessen. Yn de Fryske literatuer hat it Waling Dykstra west dy’t net in Fryske mytology, sa’t Harmen Sytstra fan doel west hie, mar in Frysk folkskarakter konstruearre. Syn belangsteling gou dêrby earder de eigentiidse folksferhalen en stoarjes oer folks byleauwe as de faak nasjonalisearjende histoaryske fertellingen út de tiid fan de romantyk. It Feinsum-ferhaal fan Jaarsma is yn dat ferbân net inkeld nijsgjirrich fanwege syn mooglike teoretyske ymplikaasjes foar ûntstean en fersprieding, mar ek om’t it in foarbyld jout fan letnjoggentjinde-ieuske identiteitskonstruksje, in foarbyld wêrby’t Dykstra sels in belangrike rol spile.

It ferhaal sa’t Durk Kramer it yn 1974 oan Daam Jaarsma fertelde giet sa.

Oan de Iestdyk wenne ris in húshâlding mei in jonge, Watse Stienstra, dy’t siik rekke fan in koekje dat er krigen hie fan in âlde frou yn Hallum. De heit gie om ried nei in duvelbander yn Ferwert, dy’t him wat guod meijoech foar de pasjint. De jonge soe wol krampen krije as er it drankje ynnaam hie, warskôge de man. Doe’t Watse it drankje dronk, seit it ferhaal,

wiene [der] allegearre minsken by de Stienstra’s op it hiem, want se wisten yn Hijum allegear wat dêr te rêden wie. Doe’t Watse fan it drankje hân hie waard der kloppe. Om ’t hurdsje waard der kloppe, en as dat barde, begûn de jonge te razen. Mar wa’t der kloppe of wat der kloppe, dat bleau in riedsel, want dêr wie net in minske dy’t it die.

De heit wer nei de duvelbander ta om ried. Dy sei dat er yn it kessen, dêr’t syn soan op lei, in krâns siet; dy moast der út en ferbaarnd wurde mei kessen en al. Dêrnei soe er de jonge freegje moatte fan wa’t er it koekje krigen hie. Sa kaam it ek allegear út en de jonge fertelde fan de âlde frou yn Hallum. Neffens de foarsizzing fan de duvelbander soe dy âld frou tagelyk mei it ritueel fan it ferbaarnen fan kessen en krâns allegear brânplakken oan ’e lea krigen hawwe moatte. Heit en soan teagen nei Hallum om te sjen oft dat kloppe. En dat die it.

Ferteller Kramer sei tsjin Jaarsma dat er de stoarje fan syn mem heard hie. It soe ‘om 1900 hinne’ spile ha en de jonge yn kwesty hie de bynamme ‘Klop’ krigen. Tanksij de Bildtsche Courant, de Leeuwarder Courant en Waling Dykstra syn gedicht ‘De divel yn ’t bêdsteed’Yn: Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877) s. 105-118. Mei in ‘Taheakke’, s. 119-120. witte wy dat it ferhaal sa’t Kramer it fertelde alteast foar in part op wierheid berêst, en dat yndie in Watse Stienstra yn it foarfal de haadrol spile, sy it dat ien en oar net om 1900 hinne barde mar yn febrewaris 1876. Gemeente-fjildwachter P. Hidma fan Stiens wie der mei noch in plysje by, doe’t har op in jûn twa- oant trijehûndert minsken op ’e Iestdyk sammele hiene om tsjûge te wêzen fan in duvelbanning. Aldergelokst hat er syn befiningen, yn beide kranten, út ’e doeken dien.Ik sitearje út de Leeuwarder Courant fan 20 febrewaris 1876; it skriuwen sels datearret fan 6 febrewaris en wurdt presintearre sûnder kop en mei de taheakking: ‘Wij zijn verzocht het volgende over te nemen uit de Bildtsche Courant’.

It folk wie oeral weikaam, ‘uit de gemeenten Leeuwarderadeel, Ferwerderadeel, Menaldumadeel, het Bildt, Barradeel’, skriuwt Douma, en al dy minsken wiene nei de Iestdyk tôge ‘om van het wonder getuige te zijn, den knaap te aanschouwen, die onder den invloed van den booze was, en de geheimzinnige geluiden te vernemen, die alhier door bovennatuurlijk oorzaken werden voortgebragt’. Dyselde jûns krige it jonkje in drankje te drinken, ‘afkomstig van (volgens zeggen van den vader) Abe Wartena, wonende te Hardegarijp’. Fierder barde der neat en it bern sliepte gewoan yn; sa like it as hie it medisyn syn wurk dien. Mar plysjeman Douma lit him yn syn ferslach opfallend kritysk út oer it haad fan de protestantsk-kristlike skoalle yn Hallum, G. Jansen van Rijssen, dy’t ek oanwêzich wie en ‘die zich als leider en woordvoerder der aanwezigen en als warm verdediger van dit wonder deed kennen’:

De heer van Rijssen verklaarde aan mij en de overigen, dat hij in het duister een grondig onderzoek had ingesteld; dat hij gedurig op de bedstede van het kind had hooren tikken en bonzen en tot driemaal toe vreemde geluiden op den zolder had gehoord. ,,Het kind” – dit zijn de eigen woorden van den heer van Rijssen – ,,behoort tot mijne leerlingen; ik ken den knaap grondig, omdat ik de gewoonte heb de karakters mijner leerlingen te bestudeeren; ik durf te zeggen nog al wat kennis te bezitten, en heb ook nog iets geleerd. Ik ben ten volste overtuigd, dat de knaap het zelf niet doet; de oogen staan hem bol in zijn hoofd; hij lacht onnatuurlijk; hij is bleek. Men heeft hier met iets buitengewoons te doen; het is iets vreemds, iets bizonders, zulke geluiden en zulk een rumoer te hooren, zonder dat hiervoor de geringste oorzaak kan worden opgenoemd. Het is iets onnatuurlijks en raadselachtigs, ja, het behoeft geen opheldering meer; het is iets bovennatuurlijks, en het zou mij niet moeilijk zijn, uit de schriften dergelijke feiten te bewijzen.Leeuwarder Courant, 20 febrewaris 1876.

De oare jûns wie Douma wer by de Stienstra’s oan ’e Iestdyk, en jawis, nei’t it bern yn de bêdstee lein wie, ‘en een lang gebed had opgezegd, waarvan hij zeker niets begreep’, begûn it klopjen en tikjen. Douma ûntdekte al gau dat de jonge it klopjen sels die. Hy hie net by tsjuster syn ûndersyk dien mar by lampeljocht, skriuwt er. Wylst de haadûnderwizer de âlden sterke hie yn har byleauwe, gie it yn werklikheid om ‘een kwajongenstreek van hun eigen bedorven kind’. Douma gie nei hûs ‘met de aangename voldoening, een zege op het bijgeloof te hebben behaald’. Hy freget him al ôf: ‘wat moet er van het jeugdige geslacht worden, dat door een man als meester Van Rijssen wordt gevormd?’

It ferslach fan Douma is sterk liberaal kleure en it is mar de fraach oft hy it sa wurdlik opskreaun hat of dat dêr ek de hân fan de útjouwer fan de Bildtsche Courant, de eardere bakkersfeint Jan Kuiken (1833-1898), yn is te werkennen. Hoe’t dat ek wêze mei, al gau sprong in oare Bilkert, Waling Dykstra te Holwert, boppe op de saak. De kwesty moat him as byleauwe-bestrider, folksferljochter, fûleindich liberaal, waarm foarstanner fan iepenbier ûnderwiis mar ek as folksferhalesamler tige ynteressearre en ek ynspirearre hawwe. It yn novimber 1877 ferskynde For de praetstoel en de hirdshoeke befettet teminsten in leafst fjirtjin siden tellend rymstik, ‘De duvel yn ’t bêdsteed’, mei as ûndertitel ‘Foarfallen yn 1876’ en in taheakke dat ferwiist nei de Bildtsche Courant fan febrewaris en maart 1876.

By Dykstra hjit de jonge fan Klaas, is er iennichst bern, wat ‘hean en bleek fan troanje’ en mei in swakke lea. Wat plysje Douma net meldt, kin de lêzer by Dykstra wol begripe: de âlden fan Klaas [lês: Watse] hearre by de tsjerklike rjochting fan de Ofskieding.‘De mannen fan de domper binne altyd yn ’e war’. Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877), s. 118. De húshâlding moat der sneins ‘omtrint in oere’ foar rinne om it winske ûnderrjocht te krijen, en nei de iepenbiere skoalle yn it eigen doarp mocht Klaas ek net:

Deis moast er ek nei skoalle. Dy hien’ se tichte by;
Mar master wier har al te lichtsinnich en te nij.
Dêr koe de jonge n’t hinne; dan waard it nije ljocht
Sa’n stumper ommers daagliks dêr yn ’e holle brocht.
Dat like mem der neat nei; al wie dêr ’t learen frij,
Hja sei: ,,Ik soe ’t net wolle al krige ‘k jild der by.”
Har soan moast oars net hawwe as kristlik ûnderwiis.
Dêr moast er ek om swalkje. Dat wie al wer in griis
Foar ’t meagere jonkje. Mar ’t wie syn eigen bêst,
En Klaas soe der net earder om stjerre, dat stie fêst.Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877), s. 106.

Tagelyk wurdt dit folk ek as byleauwich sjoen. Doe’t it klopjen begûn, wiene de âlden stiifbenaud en koene se gjin oare ferklearring fine as dat it de duvel wêze moast; harren Klaas sei dat hy it net wie. It nijs gie as in rinnend fjurke by de dyk del, skriuwt Dykstra. Der wurdt wat prebearre; it medisyn fan ‘in dokter, dy’t net op ’e stúdzje west hie’ helpt lykwols neat. Der komt in oar, ‘in kundige man, dy’t eksamens dien hie’ de boel te ûndersykjen. Dy ‘koe de bibel hast fan bûten’ en hy koe ek Klaas goed, ‘want Klaas (..) hie fan dy man it lêzen leard’.Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877), s. 114. It is de skoalmaster. Dy wit ek net hoe’t de foarke yn ’e stâle sit, mar hy slút neat út:

En brocht, nei ’t algemiene mienen,
De duvel sels dat spul te wei,
Hy stimde dat net ta yn ienen,
Mar smiet it ek net rûnút wei.

De suggestje is dan dat de skoalmaster út eigenbelang de mooglikheid fan duvelerij iepen hold: ‘Ei, fergje net tefolle fan immen, waans belang / It meibringt om te bliuwen by de âlde koekút-sang.’Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877), s. 118. Ommers, hoe benauder foar de duvel de minsken, hoe mear learlingen foar syn skoalle, is de riddenearring. It dichtstik komt oan ’e ein mei in politike warskôging oan it liberale folksdiel om wach te bliuwen:

Mar liberale lju, hâld yn ’e rekken mar,
De mannen fan de domper binne altyd yn ’e war.
Dy’t leaver ûndersykje by tsjuster as by ljocht,
Dy hawwe wol ris faker de boel yn ûntsjoer brocht.
 
Wês net te gau oermoedich, en sleau allike min. –
Dy’t tinkt: wy gean yn alles sa moai foarút as ’t kin,
Der is gjin noed, hoefolle de tsjinpartij ek skrept:
Dy liket op in nachtwacht, dy’t yn ’e spoarwein sliept.Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877), s. 118.

Wat falt no op yn in ferliking fan it oan Jaarsma fertelde folksferhaal en it gedicht fan Waling Dykstra? Yn alle gefallen dat yn it earste elke ferwizing nei tsjerke of leauwe of skoalstriid ûntbrekt. Ek docht it medisyn fan de duvelbander yn it folksferhaal syn wurk wól en by Dykstra net. Op it tredde plak is yn it folksferhaal de werklike namme fan de ‘betsjoende’ jonge bewarre bleaun: Watse Stienstra. En der is in konkrete krite dy’t neamd wurdt, by Ferwert en Hallum.

Mei syn histoaryske weilittingen en ferwizingen nei de werklikheid liket it Feinsum-ferhaal te sizzen dat it konstruearre is yn de religieuze groep dêr’t it ‘wûnder’ in rol spile. It histoaryske ramt fan de leauwe- en skoalstriid is ommers weiwurden, mei alle politike en godstsjinstich motivearre hannelingen en oertsjûgingen dy’t dêrby hearden. Fan skamte oer it ûntmaskere wûnder is gjin praat. Wol is der plak ynromme foar algemiene folkloristyske eleminten en út de populêre folksferhaleliteratuer bekende tsjoendersfoarskriften. Waling Dykstra fertelt yn it twadde diel fan syn Uit Friesland’s volksleven twa oare duvelbanderskiednissen, de iene spilet yn Boalsert, de oare yn Diken ûnder Langwar.Waling Dykstra, Uit Friesland’s volksleven van vroeger en later. Tweede deel (M.A. van Seijen, Leeuwarden 1894) s. 65-69. Dat lêste ferhaal hie er wierskynlik fan syn freon Jabik Hepkema, yn waans famylje it de rûnte die.‘Bitsjoening op boerderij in Diken. Na 125 jaar opgehelderd wie er bij betrokken waren’, De Heerenveensche Koerier (22 novimber 1950). Yn beide gefallen wurdt de dieder fan it kwea op ôfstân en op oanwizingen fan in duvelbander mei in soartemint fan voodoo-magy helske pinen besoarge.It motyf komt ek foar yn it ferhaal ‘De betsjoende boeredochter’, yn: Waling Dykstra, Winterjounen by Gealeboer. Teltsjes yn rym en onrym (E. Ippius Fockens, Frjentsjer 1851) s. 20.

It troch Jaarsma optekene ferhaal bestiet dus wierskynlik út in sensurearre represintaasje fan in werklik barren, mei dêromhinne in oantal troch de ferteller of fertellers út oare, skriftlike of orale boarnen opfandele midsieuske motiven, sa as baarnende heksen en allerhanne rituele foarskriften, dêr’t ‘om 1900 hinne’ troch de measte minsken allinnich mar om gniisd wurde koe.De kolleksje-Jaarsma befettet bygelyks noch twa fragminten wêryn’t praat is fan heksen dy’t krânsen yn kessens toverje om minsken siik te meitsjen: CJ004916 ferteld troch Bokke de Boer (1966) en CJ079114 troch Douwe Postma (1969). It hat de rook fan anagronisme. De orale fertelling is net oernommen út skriftlike publikaasjes, mar liket just as alternatyf foar de krantefersy en Dykstra syn gedicht te tsjinjen.

Krekt yn de santiger jierren fan de njoggentjinde ieu wie der yn de krite Stiens-Aldsyl-Hallum in sterke konfesjonele beweging. Yn augustus 1872 wie yn Hallum in skoalle foar kristlik-nasjonaal ûnderwiis iepene. De feriening waard oprjochte op 2 juny 1871. Yn 1872 waard ek sa’n feriening oprjochte foar Britsum, Stiens en Hijum, dy’t yn april 1873 in skoalle iepene mei 61 learlingen út Stiens en Britsum.[Hartman Sannes], De schoolmeesters van Ferwerderadeel in de loop der tijden. Web: https://www.fryske-akademy.nl/fileadmin/inhoud/beelden/homepage/Kennis/Utjeften/Skoalmasters/ferwerderadeel.pdf. Krigen 18 febrewaris 2016. Bern út de doarpen Hijum en Feinsum koene dus sawol yn Stiens as yn Hallum nei in kristlike legere skoalle, mar de iepenbiere skoalle sil de bern ek graach hâlden hawwe. Dêrneist kaam de evangelyske rjochting opsetten yn Alde Leie en Aldsyl; dêr waard yn 1875 de bekende dûmny Marinus Mooij (1853-1918) oansteld foar trije jier. De bemuoienis yn Feinsum fan skoalhaad G[errit] Jansen van Rijssen (1845-1916)Jansen van Rijssen fertrok yn 1879 ‘naar Transvaal en vocht later mee in de Boerenoorlog en werd gevangen genomen’, skriuwt Sannes (s. 8). Mar út in libbensberjocht yn it Leidsch Dagblad (29 july 1916) blykt dat er earst yn desimber 1898 nei Súd-Afrika fertrokken is, út Hazerswoude-Dorp wei dêr’t er haad fan de kristlike skoalle wie. Hy hat yn it jier nei Dykstra syn publikaasje ûntslach naam yn Hallum. Jansen van Rijssen is yn 1916 op 71-jierrige leeftyd ferstoarn yn Hartebeestfontein (Transvaal). fan de kristlike skoalle yn Hallum, dy’t neffens plysje Douma de liedersrol op him naam yn it ûndersyk fan it wûnder, is net los te sjen fan de yntinsive liberale en kristlike skoalpropaganda dy’t sûnt de sechstiger jierren fan de njoggentjinde ieu oeral yn Nederlân en ek net sa’n bytsje yn Fryslân spile.P.Th.F.M. Boekholt en E.P. de Booy, Geschiedenis van de school in Nederland. Vanaf de middeleeuwen tot de huidige tijd (Van Gorcum, Assen/Maastricht 1987), s. 217: ‘De sterkste groei van het bijzonder protestants onderwijs vond in Friesland plaats. De Vereniging voor Christelijk Nationaal Schoolonderwijs, die intussen 179 scholen in den lande gesticht had, had daarvan bijna eenderde in Friesland tot stand zien komen. In C.N.S.-Friesland werkten Hervormden en Christelijk Gereformeerden eendrachtig samen. Een aantal Hervormde Réveil-predikanten voerden de vereniging aan, en het is vooral aan hen te danken, dat het protestants onderwijs in die provincie al zo'n hoge vlucht kon nemen.’

Behalve master Jansen van Rijssen binne noch twa haadrol­spilers fan ‘Feinsum’ te trasearjen. De echte Watze Stienstra waard berne op 22 desimber 1867 yn Feinsum en is dêr ek stoarn, op 15 juny 1936. Hy wie de soan fan in lânarbeider (‘wurkman’).Huwelijksregister 1864, archiefnummer 30-25, Burgerlijke Stand Menaldumadeel - Tresoar, inventarisnummer 2022, aktenummer 34. Gemeente: Menaldumadeel. Periode: 1864. Hy wie net sânenheal mar acht jier en dik in moanne âld en hie twa lytse suskes Sytske en Durkje doe’t it foarfal mei it klopjen plakfûn. Syn mem wie ferstoarn doe’t er noch mar in healjier âld wie en syn heit wie krekt sân jier letter, op 12 maaie 1875 op ’e nij troud.Aukje Watzes, ‘echtgenoot van Hendrik Gaeles Stienstra, stjert 27 july 1868, 33 jier âld, ‘te Finkum in het huis nummer zestien’. Overlijdensregister 1868, archiefnummer 30-23, Burgerlijke Stand Leeuwarderadeel - Tresoar, inventarisnummer 3017, blad 032. Gemeente: Leeuwarderadeel. Periode: 1868. De klopskiednis spile in dik healjier dêrnei.

Ek de duvelbander en wûnderdokter dy’t it yn it folksferhaal sa goed docht mar yn it gedicht fan Waling Dykstra sûnder eare en rom ôfgean moat, is wol op te spoaren. It is Abe Wybrens Wartena (1812, Huzum-1888, Burgum).Klaas Henstra, Duivelbanners en wonderdokters in de Wouden (Friese Pers Boekerij, Leeuwarden 2007) s. 72-73. Oer him wol in anekdoate hawwe dat er boeren sjantearre mei syn tsjoenderij:

Yn de jierren 1850-1860 wenne der op ’e Swarte Koai oan it Alddeel ûnder Ryptsjerk in Abe Wartena. Alle boeren hiene it lang net op him stean, hwent as Abe by harren oer ’e flier kaem, wier it altiten mis mei de keallerij, stoaren de keallen of woe it by it tsjernjen net bûterje. En hja moasten den ek yette wer nei him ta, hwent hy wie in bêste genêzer. In âlde boerefeint sette, sa gau ’t er Abe oankommen seach, in great krús op ’e sketten fen ’e keallehokken; den koe Abe de bisten neat dwaan.Klaas Henstra, Duivelbanners en wonderdokters in de Wouden (Friese Pers Boekerij, Leeuwarden 2007) s. 72-73.

Blykber is der net rjocht in finger achter Wartena te krijen, want op in oar plak seit deselde auteur dat Wartena him allinnich mar dwaande hold mei it útbannen fan duvels: ‘Met het plaatsen van kruisen op deuren van stallen werd hij de duivel de baas’. Fan in heidenske en gewisseleaze tsjoender dy’t inkeld hohâldt foar it krús wurdt er in kristlik strider, dy’t ek syn synyske fijannen hie. ‘Sommige lieden beschuldigden Wartena ervan dat hij er eerst voor zorgde dat het vee ziek werd. Zo kon de schoorsteen blijven roken.’Klaas Henstra, ‘Duiveldokters en dominees’, Fryslân 19-1 (januari 2013) s. 15.

It ferslach fan plysje Douma oer it barren yn Feinsum toant oan dat Wartena syn boppenatuerlike krêften behalve foar fee, tsjerntûnen en it ôfparsen fan boeren ek brûkt waarden yn ’e hoop op it genêzen fan minsken. Sa is it yn it folksferhaal – sûnder dat dan syn dan namme noch neamd wurdt – fêstlein. De passaazje suggerearret boppedat in ferbân tusken Wartena’s genêskunde, en, troch de as meistimmend en ferhuljend beskreaune hâlding fan it Hallumer skoalhaad, tinkbylden oer it plak fan it kwea en wûnders yn it leauwe. It gedicht ‘De duvel yn ’t bêdsteed’ stelt dat allegear noch eksplisiter. By Dykstra sil dat elemint rekke hawwe oan eigen, eardere ûnderfiningen yn it ortodokse Spannum om syn ferhaal ‘De betsjoende boeredochter’ hinne.Sjoch G.A. Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (Boalsert: Osinga, 1926), s. 372-373. No wie er tanksij de krante wis fan in grut publyk en koe er it byleauwe op ’e nij in slach tabringe. Fansels kaam syn gedicht de mear frijsinnigen yn it noarden fan Fryslân goed út; hjir hie men no ris in echt-liberaal fers yn folkse trant dat men foardrage koe, ‘foar de praetstoel’. Yn 1897 krige it fers noch in twadde libben, by de werprintinge fan de bondel.Utjûn troch Japik Hepkema.

Jan Piebenga woe hawwe, Dykstra soe mei syn ‘faeije iensidigens sa’n sterk-persoanlike ynfloed’ op de Fryske beweging útoefene hawwe, dat soks de ortodoksy yn de perioade foar 1915 ‘der mei fan weromholden’ hat.Jan Tjittes Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse 2e pr. (Laverman, Drachten 1957; or. 1938) s. 148. Hy helle as bewiis in útspraak oan út 1900 yn it tydskrift Swanneblommen fan de protestantske skriuwer Gerben Postma: ‘Den hawwe folle fryske skriuwers ek skild hjiryn, det hja it liberale elemint tofolle útkomme lieten, sa det oaren der ornaris “in streek fen lâns” krigen”.Sitearre by Jan Tjittes Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse 2e pr. (Laverman, Drachten 1957), s. 148. Neffens Piebenga wie Dykstra ‘ien fan Fryslâns oprjochtste en kundichste rintmasters, mar ien dy’t de him tabitroude talinten spitigernôch net yn it aventûr fan it leauwe fordûbele hat’.Sitearre by Jan Tjittes Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse 2e pr. (Laverman, Drachten 1957), s. 148. Eeltsje Boates Folkertsma hie soks al foar him sein.Sjoch Eeltsje Boates Folkertsma, ‘Nei trettjindeheal jier’, De Holder (1926-1929, ûnderskate ôfleveringen). Mar dêrmei spruts Piebenga himsels dochs tsjin. Tusken it sop en de ierdappels troch hie er ommers al opmurken dat Dykstra nei 1850 ‘frijsinnich’ wurden wie. Wiswol leauwich dus, allinnich oars as it leauwe fan de ortodokse Piebenga. Dykstra syn religieuze oertsjûgingen telden lykwols net mei; foar Piebenga bleau er in skriuwer dy’t ‘de wearden fan it hert faek foarbyseach en forgeat dat der ûnder dat hert ek noch frjemde djipten lizze’.Jan Tjittes Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse 2e pr. (Laverman, Drachten 1957) s. 148., s. 146.

Ek yn dat ramt lit de ‘De duvel yn ’t bêdsteed’ him, nei oanlieding fan syn relaasje mei de histoaryske werklikheid, op ’e nij lêze. It gedicht tsjinnet syn lettere kritikus Piebenga fan replyk: binne dít dan dy ‘frjemde djipten’ dêr’t mear each foar wêze moatten hie? Twads, seit it gedicht ús dat de tiid syn gelyk útwiisd hat. Dy’t tsjintwurdich leaut yn it werklik bestean fan duvels, ferflokkingen en voodoo set himsels yn alle gefallen bûten de hearskjende wittenskiplike én teologyske diskusjes. Treds: wat begekke wurdt is net de lege sosjale status of de religy fan de famylje Stienstra en al it folk dat op de wûnderlike genêzing ôfkomt. It is har op sensaasje sljochte byleauwigens, likegoed as de reewilligens wêrmei’t men himsels lêst en lijen oandocht.

Oanklage wurdt it polityk-sosjale misbrûk dat fan ienfâldige minsken makke wurdt. Sa’n fers is folle mear as in âlderwetsk moralistysk rymstik: it blykt noch altyd aktuele literatuer te wêzen. Giet it ek net oer polityk bedroch yn ús eigen maatskippij, obsedearre troch ‘identiteit’ en fol eangst foar flechtlingen? En seit it net wat oer de dynamyk fan yn- en útsluting yn Frysk-literêre kanonisearring? Ta beslút in fragmint, foar dy’t miene dat Waling Dykstra dan miskien wol preekje koe mar minder goed dichtsje:

Der kaam fan dy stoarje mei gauwens in rop,
En elk harke like ferheard der fan op.
Gjin niget! Men heart fan sa’n nuvere saak,
Sa ticht by jin om, yn ús dagen net faak.
 
Men hat fan de duvel syn keunsten faak heard.
In hele boel spotters dy telle dat neat;
Nou koene men hearre dat sok ding bestie,
It sprekt dat dêr mannich nijsgjirrich nei wie.
 
Der kamen by hûnderten minsken op ta.
’t Wie krektlyk as soen’ se dêr sindingsfeest ha.
Der swalken guods om wol twa trije oeren fier.
Fan Inglum en Bitgum, fan Berltsum en Wier.
 
Fan Ritsumasyl en fan Boksumerdaam;
Fan Marsum en Deinum, de Ryp en Menaam;
Sint Jabik, Sint Anne, Froubuorren, d’ Alddyk,
De Syl en de Leie; hoe’n minsken! ’t wie bryk.
 
Fan Wânswert en Jislum, fan Janum, Burdaard,
Fan Genum en Reitsum, fan Raard en Lichtaard;
Fan Holwerd en Brantgum, fan Mêdwerd en Spriens;
Fan Jelsum en Koarnjum, fan Britsum en Stiens.
 
Fan Ferwert en Beintum, de Farbuorren, Blij;
Ek Marrum en Nijtsjerk dien’ harres der by.
Fan Wyns en fan ’t Tichelwurk kamen guon op.
It klopjen klonk fier, mar noch fierder ’t gerop.
 
Hja kamen dêr swalkjen troch modder en slyk!
Ut de Hallumerhoek, fan de Fiifhústerdyk,
Fan Hallum, de Mieden, Tergrêft en de Iewâl.
Hoe’n tarin fan minsken, dat wie alheel mâl!Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877), s. 110-111.

Ut dit essee sitearje kin sa: De Vries, Abe. “De histoarje fan de duvel en Watse Klop: Waling Dykstra, in folksferhaal en de skoalstriid yn Noard-Fryslân” Fers2. Abe de Vries & Friduwih Riemersma, 12 maart 2017. Web. Dei moanne jier dat it essee krigen is.