image

Eppie Dam: De aap foar de bokkewein

in tocht troch de tiid yn 315 dagen

Roman Jaworski - Fers2 nû. 3.5, 12 maart 2017

Doe’t ik foar it earst de poëzijbondel De aap foar de bokkewein fan Eppie Dam iepensloech, waard ik fuortendaliks magysk meilutsen yn ’e beweging fan de foarfallen dêryn. Yn it jier 2016 (yn de Sineeske kultuer it jier fan de Aap) foel der foar de dichter mei wissens in protte te rymjen, sels oer foarfallen dy’t net sa maklik te rymjen wiene. Om’t ik fan natuere in soad fan ynderlike reizen hâld, seach ik (al wie dat inkeld yn myn ferbylding) de spannende swalkerstocht mei de bokkewein troch de belibbingswrâld fan ’e dichter, dy’t mar leafst fan 1 jannewaris oant 10 novimber duorje soe.

De aap, foar de bokkewein spand, seach my ûngeduldich oan… Geane jo mei? Ik stapte yn om op wei te gean. Wêr’t it hinne gean soe en wêr’t it einigje soe, wist ik op dat stuit noch net. It foel te hoopjen dat de aap in idee hie. Dat ús in soad te wachtsjen stie, wie wol dúdlik. De bokkewein soe by 75 poëtyske tablo’s lâns fiere dy’t op ferskate plakken leine, ik soe persoanen moetsje, ferstoarnen betinke, situaasjes meimeitsje. Ik soe konfrontearre wurde mei allerhanne minsklike dilemma’s, my verwûnderje, huverje, laitsje, skrieme.

Ik luts oan de leie, de aap sette willich mar ek ûngeduerich syn earste stappen. Koe ik der gerêst op wêze? Eartiids luts in grize sik de bokkewein, in bist dat sjende wiis wurden wie en dêrom blyn it paad wist.

Jannewaris: It begjin fan de tocht ferrint frij rêstich. De aap moat sa’t it liket noch wenne oan zijn rol fan lûkdier. Nei in ynlieding mei it gebrûklike kloklieden, dat de komst fan it nije jier ynseiniget en ‘wat sil it jier ús bringe?’, wurdt de wein fierder lutsen troch it byldzjend beskreaune Fryske lânskip. Dat yn de bondel ek yn de seizoenen dernei wat pynlik wintersk hâlde sil, stil en útklaaid as de ferneamde Fryske greiden yn ’e maityd en hertsje simmer ûnderwilens wurden binne.

It is febrewaris. Ut in âlde deidream wei wurd ik ynienen wekker. Leafst tsien útinoarrinnende tablo’s lizze op de rûte. In boeiend en tagelyk wrang ferskaat: ‘Asyl ticht bij De Syl’, ‘Flecht boppe it sintrum’, ‘Roas’, ‘De Wite Sânmotor sprekt’…, mar wy belibje hjir ek Falentynsdei en it ‘nije’ karnaval anno 2016, dêr’t it donkere skaad fan de politike situaasje dúdlik by oanwêzich is. Fierder, fierder! De aap fjouweret (hooplik fergaloppearret er him net), de bokkewein kreaket, it dûzelt my fan alle yndrukken, oant lang om let de bokkewein rêst fynt by it ‘Monumint mei klimmende iel’. Ik moat tajaan, in ûnwisse rêst, no’t der definityf in ein kaam oan in winkelkeatling dy’t minsken ea hâldfêst joech. De kalinder wiist hjoed 23 febrewaris oan, efkes útblaze.

Maart. Dy moanne sil ik de nedige besinning ûnderfine, earst mei in ‘Ritueel’ (‘Yn Seelân waskje minsken de sielen yn see’), dan fia ‘Boppe de skamte’ en ‘Metro’ (in yslike ferwizing nei Brussel), oant en mei it stilstean by de dea fan Johan Cruijff:

Hij stie noch lang mei 2-0 foar,

mar Dea omspile op syn deast

de kening fan de iepen doar.

Als je gepoort wordt scoor dan eerst.

Ik ferlit de moanne maart yn in plechtige en drôve stimming. In stille wike, hjir en dêr bespeur ik in oprjochte trien.

En dan is it april, 1 april! The Fool’s Day. Dochs iepenet de dichter 1 april mei de foar ús hoopfolle winsk: ‘hjoed wint it tinken’, mar de stimming slacht ringen om. De bokkewein lûkt by persoanen lâns lykas Wim Brands, Joost Zwagerman en Jikke Tamminga. Dêrnei it net winske want iensidige ‘guozzeparadys’, de nea begrepen faux pas fan “moraalpake” Freek de Jonge en de trageedzje fan de dea fan Karin de Jong…

Dêrnei komt de moanne maaie en dêrnei juny mei syn tolve mear as rike tablo’s, dy’t in midspunt yn it gehiel foarmje. July, augustus, septimber, oktober… wurden mankearje om dit allegearre te beskriuwen, sels al soe ik allinne mar in yndruk jaan. Sa’n enoarme rykdom en dan fette yn sokke byldmoaie wurden en rimen! Soe ik by de yntime bekentenissen fan ’e dichter him net better sels oan it wurd litte kinne? Dat sprekt dochs fansels? Ik stean hjir foar in ûnmooglike beslissing: sil ik alles wat ik meimeitsje beskriuwe of just net?

Oer poëzij moatte jo net analytysk of akademysk skriuwe wolle. Poëzij moatte jo belibje, fiele, priuwe, jo oer ferwûnderje, der gedachten yn ûntdekke, alle dagen opnij. Poëzij sprekt foar himsels. Ik ha yn earste instânsje besocht om hjir myn persoanlike ympresjes te ferwurdzjen, mar no’t de oanset jûn is, twivelje ik oft ik op dizze manier fierder gean moat; ik wol de rêst leaver oan ’e ferbylding fan de oare lêzer oerlitte, himsels op de bokkewein sette. Kom der ek by, sko oan, ûndergean en belibje! Mar hâld de rjochting yn ’e rekken.

Fassinearre troch de frekwinsje yn it ûntstean fan de gedichten, haw ik dy yn de appendiks op in rige set. It ‘getalgeheim’ fan de dichter? Foar minsken mei in bytsje numerologyske kennis falt dêr in protte te ûntdekken. Fierder haw ik foar de twadde lêsslach betocht om de gedichten fan dizze bondel (op ’e nij) te lêzen op de dei en moanne fan har ûntstean. In bysûndere ûnderfining en perfoarst in oanrieder foar dejinge dy’t De aap foar de bokkewein as in lange, ynderlike reis belibje wol. Jo sette gewoan de data yn ’e aginda. Nim der de tiid foar en lit de poëzij rêstich ta jo yngean. Lit ek jo gedachten gean oer doe en no, spegelje de ynhâld oan josels, genietsje fan de magy en de krêft fan it skreaune wurd.

Goed, oant safier de nedige en faaks nuttige ynterrupsje. Grif sille der no ûnder ús lêzers wêze dy’t ûngeduldich witte wolle hoe’t de tocht yn ’e bokkewein ôfrûn is, wannear en wêr. Mei ik in tipke fan de wale optille? Toe dan mar. De tocht einiget op tongersdei 10 novimber 2016 yn Balk mei it stilstean by de dea fan Johan Huisman (1962-2016), en dêrby nimt de dichter de rol fan blomskikker fan de ferstoarne oer en biedt dy ‘in fjildboeket fan taal’ oan. It is in oandwaanlik ein mei tal fan djipsinnige gedachten, ien fan myn favorite gedichten út dizze bondel. In floeiend gondelritme (Johan wie ek in gondelbouwer) is hjir op de eftergrûn dúdlik te fielen, tegearre mei de mystike, hast mytologyske sfear fan de lêste tocht.

Acta fabula est. Als postludium lit de dichter de romte tusken 11 november en 31 desimber foar ús iepen. Is dat romte foar refleksje fan ’e lêzer? By my ropt dat ûnferwachte ein assosjaasjes op mei it lot fan it minsklik libben, dêr’t wy gjin inkelde grip by hawwe op de lingte fan ús dagen. Oh destino crudele? Wie dat wat de dichter hjir bedoelde? Ik wit it net, ‘it witten’ deadet yn de poëzij alle ferbylding. Sykje, prakkesearje, ûntdekke, fantasearje is hjir mear op zijn plak. Miskien hie de dichter, nei’t er 315 dagen mei ús mei-inoar trochbrocht hie, gewoan ferlet om efkes allinne te wêzen. Ek dichters binne minsken fan fleis en bloed. Sels de bluisterige, net te bedimjen aap wie wurch nei safolle dagen.

Ik ferlit de gedichtebondel yn iepenheid en ferwûndering sa’t ik deryn kommen bin. As lêzer wol ik de dichter hjir betankje foar al it moais dat er mei ús diele woe.

En hoe sil it fierder gean? De wrâld sil trochdraaien bliuwe mei alle skepsels derop, grut, lyts, libben en dea. In omnibus omnia. Dat is ús lot.

Bylage

Hjirûnder in nuttich kalindarium foar de nigethawwers fan reis- en lêsskema’s, gronology, nûmerology, kroniken, menu’s, oersjoggen ensafuorthinne. En om’t titels fan gedichten faak al de heale bondel iepenbierje.

  • 01-01: Klokslach
  • 20-01: Jannewaris griist ús oan
  • 06-02: Asyl ticht bij De Syl
  • 07-02: Flecht boppe it sintrum
  • 07-02: Roas
  • 08-02: De aap foar de bokkewein
  • 09-02: It nije karnaval
  • 14-02: Tiid foar Falentyn
  • 15-02: Wêr hellet de maitiid it wei?
  • 15-02: In hynstehals beklopje
  • 16-02: De Wite Sânmotor sprekt
  • 23-02: Monumint mei klimmende iel
  • 03-03: Ritueel
  • 15-03: Boppe de skamte
  • 22-03: Metro
  • 24-03: Stille wike
  • 01-04: Hjoed wint it tinken
  • 04-04: Boeken sûnder Brands
  • 10-04: In frou neamd Jikke
  • 11-04: Wekker Nederlân, wakker Fryslân
  • 18-04: Fan it geloof
  • 19-04: Windsurfing soul
  • 02-05: WK kaugomballen yn it Shakespearejier
  • 12-05: Wylst it poadium ferdraachlik is
  • 15-05: Prûketiid
  • 16-05: Ik bou no’t alles falt
  • 20-05: Deade snoek mei blinker
  • 23-05: Ik wie oait twa
  • 24-05: Yn tiid fan ferheging
  • 30-05: Wat Madje dachde
  • 01-06: Pypskoft op moandeitemoarn
  • 06-06: Do hiest foar ’t selde wêze kind
  • 08-06: Wie hemelt hier de aarde
  • 11-06: Boadskiprinner yn ’e sinne
  • 12-06: God seit sels dat er net bestiet
  • 13-06: It fleanen pleatst foar grutte riedsels
  • 14-06: Dûnsje mei Sint Vitus
  • 16-06: Gelukkeg met n knau
  • 18-06: Jûn ha wij yn Idzegea
  • 22-06: Mei drûge eagen
  • 26-06: Tink om ’e hun
  • 30-06: Bij in debút dat der altyd west hat
  • 01-07: Unnut tiid
  • 05-07: Jorwert wol gjin weinen
  • 12-07: Utsjoch mei mangelbeamke en read-witte stok
  • 13-07: Ofsnijd
  • 15-07: 37 km roulint oer it trajekt fan de 13e etappe
  • 19-07: Boar
  • 25-07: Asto stilstiest rinsto hurder
  • 27-07: De nacht is ek wat wurdich
  • 08-08: Op fakânsje in spûkstêd oandwaan
  • 09-08: Boppe wetter
  • 11-08: Dagen fan augustus
  • 15-08: In toanbyld sjocht yn myldens nei it spul
  • 20-08: Tiisdei, 20 augustus 2019
  • 21-08: Fryslân! De wrâld!
  • 22-08: Mei in mûlharp oan ’e himeldoar
  • 04-09: Mark docht jûn syn dingen
  • 08-09: In dichter sa fertsjustermoane
  • 14-09: Mei 30º de lof fan septimber
  • 15-09: Ik gean mei suver neat op bêd
  • 16-09: Do silst op ierde
  • 17-09: Op freedtemiddei noch gau 100 euro fertsjinje
  • 22-09: De straf fan literêre prizen
  • 28-09: Lyts kûgeltsje ljocht
  • 02-10: Prakkesearjend oer myn 9 talen
  • 04-10: Animal farm ‘Franciscus’
  • 11-10: Noch strykt in stjer de hân
  • 18-10: Sûnder hokjesgeast nei Grins
  • 19-10: En doe it siikmeitsjend Frysk
  • 23-10: Myn eigen lytse Messe
  • 24-10: Ik fiel de brune eagen
  • 28-10: Poëzy kin noait sûnder míj gean
  • 01-11: Doe wie ’t al wer novimber
  • 10-11: Lêste wurden foar yn blomskikker

Mear fan Roman Jaworski

0 results