poëzy friesch volksblad image

Fernijing en ferballing

Fryske poëzij yn it Friesch Volksblad, 1876-1882

Abe de Vries - Fers2 4.20, 16 desimber 2018

Poëzij wurdt estetisearre sielkunde om 1900 hinne. Mar dat giet net fan de iene op de oare dei. Foaral tanksij Waling Dykstra berikt Fryske literatuer fan 1860 ôf earst in hieltyd bredere middenklasse, dy’t it ekonomysk hieltyd better krijt, mear krântlêst, mear boeken ûnder eagen krijt. It dichtsjen, dat bytiden foaral sosjaal opbouwurk like, wurdt dêrnei stadichoan persoanliker, de stim yndividueler, it adressearre konflikt mear psychysk as sosjaal fan aard. Seach in Frysk dichter om 1860 hinne foaral nei de wrâld om him hinne, en nei syn eigen plak yn de grutte wrâld, tweintich jier letter begjint er, hoeden earst noch, mear acht te slaan op de wrâld yn himsels.

Sa wolle de hânboeken it. Se lizze âldergewoante it begjin fan de oergong fan ‘folksskriuwerij’ nei ‘mear personlike keunst’ by de blomlêzing It jonge Fryslânút 1882 fan Piter Jelles Troelstra en Onno Harmens Sytstra. Dan wurdt ek faak wiisd op de literêre fernijingsbeweging fan de Tachtigers yn de Nederlânske literatuer dy’t yn deselde tiid nei foarren komt.Likegoed liket it net handich om de Fryske samling al te gau ta bûnsmaat fan Kloos en konsorten te meitsjen: de bondel dielt de klam op romantyk en leafde, op gefoel, mar it l’art pour l’art fan Amsterdam bleau Fryslân frjemd. Oan taaleksperimint en nijfoarmingen dienen de jonge Fryske redakteuren mei al har wurdrykdom ek net folle. Jan Piebenga liket dat ferskil wat oersljochtsje te wollen, as er yn syn entûsjasme oer It jonge Fryslântrochdraaft: ‘it wie in great barren, de forskining fan dit boek, suver de ynset fan in “tachtiger biweging”.’Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, 2e pr. (Laverman, Drachten 1957) 168. Foar hânboekskriuwer Klaes Dykstra wie de blomlêzing deheraut fan it

nije romantisme dêr’t yn ’t begjin dúdlik twa kanten oan sieten, yn ’t nasjonale de striid foar de ferheffing fan folk en taal, yn ’t literêre in ôfstânnimmen fan ’e folksskriuwerij. [It jonge Fryslân] wie wat dat lêste oangiet (..) in program op himsels.Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, 2e pr. (Afûk, Ljouwert 1997) 61.

Oars sein: Frysk kultuernasjonalisme naam in opflecht en gie hân yn hân mei in nije literêre koerts. Tsjintwurdich wurdt inkeld op dat lêste wiisd. De nijste hânboeken besjogge It jonge Fryslân as de wake up call fan in generaasje ‘nieuwe dichters die de ingedutte letterkundige beweging wakker zouden schudden’,Teake Oppewal e.o., red., Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Bert Bakker, Amsterdam 2006) 88. of as in ‘oergong tusken de njoggentjinde-iuwske folkskeunst en mear persoanlike keunst yn de tweintichste iuw’.Joke Corporaal, Salang’t de beam bloeit. Koarte skiednis fan de Fryske literatuer (Bornmeer/Tresoar, De Gordyk/Ljouwert 2018) 36. It nasjonalisearjende aspekt, troch Klaes Dykstra noch wol sinjalearre, bliuwt sadwaande bûten byld.

No binne literêre ûntjouwingen yn ’e regel net it wurk fan ien boek, ferhaal, roman of gedicht. Philippus Breuker bygelyks lei de relaasje mei ekonomyske ûntjouwingen dy’t al foar 1882 plakfûnen:

Wreder forsteuring as yn 1876 bigoun mei de yngripende ekonomyske krisis is hast net to tinken. Radikale en rauwer lûden, persoanliker en engagearre utering oan de iene kant, en oan de oare de skepping fan in nije dream fan mearkes en sêgen, fan estetyske stilearring wiene it gefolch.Philippus Breuker, ‘De fryske literatuer om 1877 hinne’, De Vrije Fries 57 (1977) 68.

Dy ‘yngripende ekonomyske krisis’ begûn oars net yn 1876; Spahr van der Hoek notearret dat noch yn 1877 ‘it measte der hinne lei as fan âlds’.J.J. Spahr van der Hoek, ‘De agraryske selsfoldienens en de Coloradokever’, De Vrije Fries 57 (1977) 33. Der wie genôch wurk foar seizoensarbeiders en de lânhieren hiene noch nea sa heech west. De bûterpriis krige krekt in klap yn 1878. Wol wie it doe al in pear jier by ‘insiders’ bekend dat it Fryske bûtermeitsjen net mear tsjin de Deenske konkurrinsje oan koe. Frieswijk skriuwt dat yn de feangebieten de earmoed yn 1879 tanaam, mar ek dat de winsten fan de feanbazen krekt in knau krigen yn 1882.Johan Frieswijk, ‘Arbeiders en werklieden in 1877’, De Vrije Fries 57 (1977) 63. It is net alhiel dúdlik wannear’t de ekonomyske krisis krekt begjint, der wie earder sprake fan in proses mei in oanrin.

As foarboaden fan de nije, part romantyske, part radikaal-realistyske Fryske literatuer neamt Breuker dan de toanielstikken De twa ringen út 1880, skreaun yn 1877, fan Tsjeard Velstra, De pronkskens fen de frouljue is de manljue har skild út 1878 fan Jan van der Steegh en it histoarysk drama Tsjerk Ages út 1878 fan Lútsen Wagenaar; op it mêd fan it proaza de Soldatebrieven út 1877 fan Jouwert Jouwersma en de Katechismus fen de leare der wierheid, dêr’t boer Pibe syn lytsfeint yn ûnderrjuchte út 1878 fan Jentsje Sytema; en op dat fan de poëzij it romantysk-ympressionistyske ‘oratorium’ Simmernacht en simmermoarn út 1880 fan Tsjibbe Gearts van der Meulen. Likegoed liket inkeld de literatuer mei romantyske ynfloeden ‘nij’; it kritysk realisme fan Van der Steegh, Jouwersma en Sytema kin men it bêste sjen yn it ferlingde fan Waling Dykstra syn wurk.

De romantyske rjochting dêr foaroer liket syn woartels – behalve yn de ûnderstream fan romantyk dy’t it Fryske realisme altyd kend hat, tink oan Harmen Sytstra – foaral yn Ljouwert te hawwen en is ynearsten te beskôgjen as in stedske reaksje tsjin it realisme. De toanielstikken fan Velstra en Sjouke Hylkes Hylkema waarden skreaun foar it yn 1877 oprjochte Ljouwter Toaniel Selskip. Urbanisearring liket hjir ien fan de ferklearjende faktoaren. De stêd Ljouwert wie yn de perioade 1870-1880 hurd groeid, de bûtenwiken sels mei 57 persint.Meindert Schroor, ‘Woningbouw en stadsuitbreiding in ’t 19e-eeuwse Leeuwarden’, Historisch Geografisch Tijdschrift 2-3 (1984) 76. De measte nijkommers kamen fan de Fryske doarpen. It nije stedspublyk foar toaniel, meast liberale boargers, hie it plattelân en it agraryske libben achter him litten en woe wat oars as Dykstra syn rurale realisme.

Fraachstelling

Krekt yn dizze perioade begjint it Friesch Volksblad (tenei: FV) te ferskinen, it earste nûmer datearret fan 2 july 1876. It FV wie in sneins en letter ek woansdeis ferskinend links-liberaal wykblêd dat yn syn begjintiid ûnder redaksje stie fan âld-ûnderwizer Oebele Stellingwerf tegearre mei sym omke Waling Dykstra. Noch de Provinsjale Bibleteek noch Tresoar hawwe de poëzijpublikaasjes yn it FV systematysk katalogisearre en in stúdzje bestier der net oer. Soks nettsjinsteande it feit dat it FV yn de redaksjeperioade fan Dykstra, fan july 1876 oant desimber 1882, mar leafst 180 Frysktalige gedichten de wrâld yn holpen hat. Dat komt del op in lytse tritich fersen it jier – hast 30 persint méar Frysktalige poëzij as de twa belangrykste Frysk-literêre periodiken fan dy tiid byelkoar opteld, Forjit my net! en Swanneblommen, beide útjeften fan it Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse.

No is hjir de fraach hoe’t dy fan offisjele kant ferjitten Fryske poëzijweach yn it FV fan de earste 6,5 jier him ta de kanon ferhâldt. Binne der ferskillen tusken de FV-poëzy en wat de twa literêre tydskriften, Forjit my net! en Swanneblommen, en It jonge Fryslân sjen litte? Wat is it plak fan dit korpus as it om tradysje en fernijing yn de Fryske literatuer giet? Om dêr in finger achter te krijen, sil men yn kaart bringe moatte watfoar poëzij yn it FV publisearre waard, dat wol sizze wat de foarm- en ynhâldskarakteristiken binne en dy karaktetristiken ferlykje mei de karakteristiken fan de kanonisearre blomlêzing It jonge Fryslân, Sjoen is nei de FV-poëzy út de redaksjeperioade fan Dykstra, dy’t einiget as It jonge Fryslân, de hypotetyske bringer fan literêre fernijing, it ljocht sjocht.

Nei’t Dykstra mei yngong fan 1883 de redaksje ferlitten hie, naam it tal Fryske poëzijpublikaasjes yn it FV dalik mei mear as de helte ôf en ferskynden der allinken dúdlik mear Nederlânsktalige gedichten yn it blêd. Yn de twadde helte fan 1885 waarden hast hielendal gjin gedichten mear publisearre – en wilens siet de klad ek goed yn de adfertinsjes. De beliedswiziging nei minder (Fryske) gedichten lit sjen hoe’t poëzij yn kranten yn dizze ekonomyske krisistiid slachtoffere en ynruile wurdt foar spesjalisaasje en konsintraasje op kearntaken, dus nijs en opiny.

Foar in folsleine titellist fan gedichten yn it FV fan 1876 oantemei 1882 ferwiis ik nei de bylage. Yn paragraaf 1 rjochtsje ik my op eigenskippen fan teksten, benammen op har tematyk. Yn paragraaf 2 bring ik de (faak anonime) dichters yn kaart (wat spitigernôch yn in protte gefallen net slagget). Yn paragraaf 3 en 4 ferlykje ik de útkomsten koart mei de oare trije boarnen en yn paragraaf 5 wurde konklúzjes formulearre.

De gedichten

Yn de earste fjouwer moanne fan it FV, fan july 1876 ôf, befettet dizze krante gjin gedichten; it earste fers ferskynt krekt yn it nûmer fan 15 oktober. It is in priisútrikkingsfers fan de Grouster skoalmaster Cornelis Wielsma. De oare gedichten dat jier komme fan redakteur Waling Dykstra sels, fjouwer stiks, en syn freon Johannes Baarda; in oersetting fan Schiller komt fan Ageël (Age L. Oppedijk), en dan binne der noch trije anonime fersen. Wat tematyk en toan oanbelanget, tekenet him in trijedieling ôf. It giet om trije sjenres. Earst binne der realistyske fersen oer it folkslibben en it hâlden en dragen fan minsken, lykas ‘Grouster merke’, ‘It forfearjen’, ‘Hjersthimmeljen’, ‘Wolbiret’, ‘Dat is brîk’. Twad binne der realistyske fersen mei politike of religieuze krityk, lykas‘In ny liet’, ‘Nye Skriftforklearring’, ‘Mimerjen fen in Welsrîpster’. Tred binne der romantyske fersen, lykas ‘Minsjuchtswea’ en ‘Ridder Toggenborch’.

Dy trijedieling yn folkslibben, krityk en romantyk is yn de hiele ûndersyksperioade te hantearjen. Oantemei 1878 bliuwt de romantyk meast beheind ta de Frysk-nasjonale fariant. Gerben Koopmans publisearret yn 1877 syn oprop ‘Oan de Friezen’ en Gerben Postma yn 1878 syn ‘Stânfriezen yn 1855’, in lofliet op Gemme fan Burmanje. In nij romantysk lûd komt krekt yn 1879 mei trije fersen fan Tsjeard Velstra. It binne ‘Lytse Pier’, ‘Riders’ en ‘Goê Minske, tink en fiel hwet mear’. It earste is in sentiminteel fersûpersferhaal, it oare in lofsang op Fryske reedriders, en it tredde in suver programmatyske oprop ta mear persoanlik fielen yn gedichten. Der wurde ommers altefolle minsken oantroffen

Dy nea net fiele in hertetik

Fan himelsk nocht by ’n skilderstik;

Dy ’t kald en koel bljuwe – och, ho bryk, –

By suver hearlike muzyk;

En dy’t ek as der’n dichter sjongt,

Dat âlden faek it bloed forjongt,

Net oandocht. Hja gean dei by dei

Yn de âlde sleur hjar libbenswei,

En ite en drinke, lizze en stean,

Wyls ’t se as in ûrwirk rinne en gean,

En as masinen tikje en slaen,

Dy ’t neat kinne as krekt dat te dwaen.

Och fij! Ik suchtsje mannich kear:

Goê minske, tink en fiel hwet mear.

Velstra – hjir skriuwend ûnder it pseudonym Verslat – wol ferjonging fan de poëzij troch mear gefoel yn gedichten te bringen. Dat is, sil men opmerke, al presys neffens de begjinselferklearring dy’t trije jier letter de beide redakteuren fan It jonge Fryslân, Troelstra en Sytstra, ôflizze oer it belang fan de ‘eigen persoanlike fieling’ yn gedichten.

Yn 1880, twa jier foar It jonge Fryslân, hat yn it FV in wiere romantyske eksploazje plak. Dat komt benammen troch de debutearjende Troelstra, mei gedichten as ‘Oan in Jongfaem by hjar boask yn Maeije 1880’, ‘Myn Broerke’, ‘Jan en Foekje’, ‘Fryslân boppe!’ en ‘Scil Fryslân Fryslân bliuwe?’ Mar al yn it begjin fan dat jier kaam Stellingwerf mei in frije oersetting fan de romantyske Dúts-Frânske dichter Adelbert von Chamisso, wienen der twa roudichten op de dea fan de romantyske histoarikus Wopke Eekhoff, kaam der in protestfers tsjin it ‘útroegjen’ fan in bosk en slot te Waaksens, en die Gerben Postma syn ‘Wird for âld Fryslân’. Men sjocht hoe’t de romantyske fersen oan de iene kant it persoanlike foaropsette, en oan de oare kant it kollektyf-Fryske beklamje.

Yn 1881 is it op ’e nij Troelstra en yn mindere mjitte Onno Sytstra dy’t foar de romantyske ynbring soargje. Troelstra mei syn lofdicht ‘Oan Thys en Tryntsje v.d. Berg’, twa tige Fryske reedriders dy’t de priis wûnen, it bekender wurden ‘Widzesankje’ foar syn healsuske Nynke, en ‘Sneintomoarn’, de aubade oan boerefaam Wytske. Wilens sit Onno Sytstra yn ‘Foar ’t finster’ te mimerjen oer de libbensstream en docht er syn beklach yn ‘Wreed wier him de Wrâld west’. Syn broer Tabo Wiger bringt yndividuele bemoediging yn ‘De stjer der hope’. Yn 1882 lêze wy dan noch in anonime ‘Rie’ om it eigen hert te folgjen, it grutte ôfskiedsfers ‘Oan myn soan Willem, do er nei Amerika teach’ fan Tsjibbe Gearts van der Meulen, it antwurdfers ‘De Lânforhuzer’ fan Troelstra, en it fers ‘In namme’ fan in IJ., dy’t wit dat nammen dy’t op rút en strân skreaun binne ferdwine, mar dy’t yn it herte optekene binne wurde net wei.

Boppeneamde min ofte mear romantyske fersen binne der tefolle om oer de holle sjen te kinnen, mar se binne wol fier yn de minderheid. De grutte mearderheid fan de gedichten yn it FV rjochtet him net op it beskriuwen fan gefoelens en persoanlike idel- en tafallichheden, of fan Frysk-nasjonale trêften, mar op it beskriuwen fan aktuele maatskiplike barrens, tastannen en tsjinstellingen. In konstante dêryn is yn dizze perioade fan skoalstriid en begjinnende antyrevolúsjonêre polityk de tsjinstelling tusken liberalen en ‘tsjerkliken’, sa’t de partijen neamd waarden. Yn it FV, as links-liberale periodyk, krije liberale gedichten oer rjuchtsinnige dûmnys en dito tsjerkepolityk alle romte; dêrby heakje de gedichten faak oan by de aktualiteit yn rjuchtsinnige plakken of plakken dêr’t de religieuze kleau op syn djipst is, bygelyks yn Warkum, Easterein, Easthim, Wjelsryp, Skearnegoutum, Wânswert en Ie. Dit is ‘Oan de Easthimmers’ út 1877, fan Waling Dykstra:

In doomny siikje jimme? Nou,

Dy kinne jimme maklik krije:

For ’n tûzen gûne of seis woll’ rju

Om Kristus wil wol smaedheid lye.

Jim’ siikje in doomny mei in steek

En sa rjuchtsinnich în de leare,

Dat, hearde in Dortske faer sîn preek,

Hy sizze moast: „sa mei ’k it heare!”

Of sa ’n ien yet to finen is?

Sa goed as jimme ’t sizze kinne

Hwet suver is, sa goed wit wis

In doomny hwer ’t jimm’ hjit op binne.

Seis tûzen gûne! Haw gjin noed:

In preker sa ’t de fînste it winske

Kry jimme grif, mar minder moed

Ha ’k, siikje jimm’ mei iens in minske.

It giet hjir om mear as inkeld ‘haetlike oanfallen’ op de rjuchtsinnichheid.Philippus Breuker, ‘De fryske literatuer om 1877 hinne’, De Vrije Fries 57 (1977) 72. Gauris leit yn sokke fersen ek ferûntweardiging oer sosjaal ûnrjocht. It mikpunt is dan faak net de leare mar de eksorbitante ynspanningen dy’t tsjerklike gemeenten en tsjerke­rieden leverje om de winske dûmnys – faak fan bûten Fryslân – oan te lûken, dy’t dan bytiden wol fiif oant tsien kear it salaris oanbean krigen as wat in trochstreekse skoalmaster opstrike koe, om oer dat fan de wurkman mar te swijen. Ien en oar moat yn de kontekst sjoen wurde fan de tanimmende earmoed en it minimale bestean fan de losse arbeider ein santiger, begjin tachtiger jierren. Wêrom bestege sa’n tsjerke syn jild net oan it better helpen fan de hopen minsken dy’t net troch de tiid komme koenen?

Mar ek oare maatskiplike tema’s komme rom oan bar, lykas – in lytse blomlêzing – machtsmisbrûk troch hegere stannen, de earme­soarch, it absolutisme, alkoholisme, honger, twongen houliken, de oplichterij fan keaplju, de saneamde skoalfoarsjongerij, de pronksucht troch wolfeart, riedsferkiezingen, skoalleplicht, it minne ûnderwiis, de ekonomy, stimme­keaperij, de wetten en – in inkeling seach al wolris oer de grins – de koloniale polityk fan Ingelân tsjin de Boeren. In moai foarbyld fan in fers dêr’t allerhanne soarten sosjaal engaazjemint yn nei foarren komme, is ‘Oan de Bazen fen ’t Frîsk Folksblêd’ (1878) fan Sytema.

Grut is ek it tal gedichten dat, meastentiids mei humor, wat fan it folkslibben sjen lit, al of net mei in morele les of wink. It is benammen Troelstra dy’t fan 1880 ôf ek oan dit sjenre in romantyske draai meijout, lykas mei ‘Bernelibben’, ‘De Terhernster melkers’ en ‘Oan Hessel Brolsma’. Mar hy koe ek stikelich út ’e hoeke komme. Dat bewiist syn earste fers yn it FV, ‘Soks docht in echt frysk famke net’, skreaun ûnder it pseudonym Eelke. It is rjochte ‘Oan de skrjuwer fen “In Houliksoanfraech”, in toaneelstikje dat to Ljouwert opfierd is de 1e Maert 1880’. Dy skriuwer fan dat toanielstik wie Hylkema; Troelstra en Stellingwerf hienen in opfiering fan dat stik sjoen yn Ljouwert:

Wat fammen oait har sedichheid ferjitte,

En frjemde feinten by har komme litte;

Wat faam in houliksoanfraach yn ’e krante set:

Soks docht in echt frysk famke net!

In echt frysk famke is skruten en is dimmen,

Mar net sa gek, in man yn hûs te nimmen.

Hja lit har nimme fan de feint, dy’t hert

En sin op ’t leaf en leavjend famke set.

In echt frysk famke is sedich fan menearen.

It past in Fries har skruten aard te earen.

Jy ha wat yn Jo ‘Houliksoanfraech’ set:

Soks docht in echt frysk famke net!

It gedicht is in toanielkrityk oer de ûnderstelde ûnfryske seden fan in faam dy’t yn de frijerij it inisjatyf nimt en sels de krante brûkt om yn kontakt mei in man te kommen; in motyf dat by de jonge Waling Dykstra weikomt. It stikelfers hie grut súkses; Hylkema reagearre alteast in pear kear yn ’e krante yn dichtfoarm.

Mooglik dat Troelstra yn de moannen dêrnei syn dichtsjen faker oer dy boech smite wollen hat. Yn it FV stiet yn de simmer fan 1880 in rige ‘Stikels’, seis net ûnderskreaune koartdichten dy’t troch de troch de redakteuren fan Troelstra’s Samle fersen (1981) net identifisearre binne as gedichten fan him, mar dy’t mooglik of sels wierskynlik wol fan syn hân binne. It binne ‘Stikel’, ‘Duel’, ‘Liberael’, ‘Foar en efter de Skermen’, ‘Lenore’ en ‘Oan in Liberael’. It giet om in nochal grof fers tsjin in rjuchtsinnich dûmny, in ferliking fan Frânske mei Fryske seden, in protest tsjin stimme­keaperij, in ferliking tusken in aktrise foar en achter de skermen, in krityk op Van der Meulens oersetting fan de ferneamde romantyske ballade ‘Lenore’ fan Bürger en in krityk op in konservatyf-liberaal dy’t neat sjocht yn algemien stimrjocht. Mei sa’n figuer soe Troelstra syn eigen heit op it each hân hawwe kind, mei wa’t er in problematyske relaasje hie. Op it earste, wat puberale fers nei komme de tema’s aardich oerien mei syn hangups yn dy tiid (Fryske seden, liberalen, toaniel, Bürger). Lenore yn Fryske klean, dat sinniget him net – it liket in wjerlûd fan ‘Soks docht in frysk famke net’:

Lenore

bl. 124 fen de “Moaije Blommen”)

Lenore, faem, bistou ’t? En dat yn Fryske klean!

’k Fyn ’t earizer en jak net botte moai dy stean.

Yn Dútsklân wierste, faem, de moaiste fen de wrâld,

Yn Fryslân bâltste en gûlst’, bist kreupel, lilk en âld.

Troelstra hat dan krekt mei Stellingwerf it toanielselskip Gysbert Japiks oprjochte. Fan Bürger is er in leafhawwer, hy hat op de HBS wurk fan him oerset yn it Nederlânsk. Nei de rige ‘Stikels’ set er fierder yn romantyske styl. Yn 1882 bringt er noch in kear in rige koartdichten, de ‘Edda-runen’, dy’t har dan net mear op sosjale krityk mar op humor en libbenswiisheden rjochtsje.

Fryske fersen yn it Friesch Volksblad, 1876-1882
1876 1877 1878 1879 1880 1881 1882 Meinr.
or. + oers. 10 20 16 22 34 30 48 180
oers. 1 2 1 2 3 - 5 14

De dichters

Fan de dichters dy’t yn it Friesch Volksblad publisearje haw ik neigien hoe âld oft se wiene, wat har sosjale achtergrûn (berop) wie en wannear’t se har foar it earst yn it blêd oppenearren. It is earst mar in lyts rûntsje.. Yn 1876 binne dat, neist trije anonime auteurs, de liberale âld-striders Waling Dykstra en de notarisklerk Johannes Baarda, tegearre mei de jongere Wâldseiner freonen Cornelis Wielsma, ûnderwizer, en Age Oppedijk, houthanneler.

Yn 1877 komme de gedichten, behalve fan Dykstra, fan Hjerre Gerrits van der Veen, Gerben Koopmans, Oebele Stellingwerf en – de belangrykste nijkommer – Jouwert Jouwersma, tsjinstplichtich soldaat, smidsfeint en letter sels smid yn Snakkerbuorren.

Nije nammen yn 1878 binne Jentje Sytema, gernier, Jan van der Steegh, bakker, en Gerben Postma, skoalmaster, en ek de jonge Tabo Wiger Sytstra, oankommend bakker, docht no mei.

Yn 1879 binne der al alve dichters dy’t bydrage. Nije nammen binne, neist de âldere smid Alle Jans Smeding: Jelle Gabes van der Weide, boeresoan, Klaas Sytsma, gernier, en Tsjeard Velstra, heareboer.

Yn 1880 binne it der 14; nijkommers binne J.A. Schoelier, boekhanneler, Sjouke Hylkes Hylkema, hannelsman, en Piter Jelles Troelstra, gymnasiast.

It tal dichters nimt yn de twa jier dêrnei fierder ta: 17 yn 1881, 19 yn 1882. Nijkommers binne dan Tsjalling Eeltjes Halbertsma, ûnderwizer, Hendrik de Jong (1853), goud- en sulversmid, Laurens ten Cate, keapman, Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824), fameus skriuwer, dichter, printer en útjouwer, Onno Sytstra (1858), studint en jongere broer fan Tabo Wiger, en Marten Hepkes Bakker (1848), kafeehâlder.

Fierder binne der ek hieltyd wol de dichters dy’t inkeld mei harren inisjalen of skûlnamme oantsjut wurde wolle. Dy’t ik net thúsbringe kind haw binne A. A.P., H., H.B., J.K., K.T.N., M., P., Poni, W.A. Pz. en IJ. Ek stiet der gauris hielendal neat ûnder de fersen. It publisearjen yn in ‘radikale’ krante as it FV wie net sûnder sosjaal risiko. Op oankringen fan syn konservatyf-liberale heit publisearre Troelstra nei 1883 benammen yn de deftiger Friesche Courant. Ek in heareboer as Velstra stjoerde al gau neat mear yn.

Wy sjogge dat it hjir foaral om middenstanners giet; inkeld Velstra en Sytsma binne boer en de hegerein is net fertsjintwurdige. Opfallend is fierder it grut tal dichters op de nammelist dat om de tritich hinne of jonger is. Ut de fjirtiger jierren komme Bakker, Halbertsma, Oppedijk, Postma, Stellingwerf, Sytsma, Velstra en Wielsma; út de fyftiger jierren Ten Cate, Hylkema, De Jong, Jouwersma, de beide Sytstra’s en Van der Weide. De benjamin fan it stel is fansels Troelstra. De âldere garde bestiet út Baarda, Dykstra, Koopmans, Van der Meulen, Schoelier, Smeding, Van der Steegh, Sytema en Van der Veen.

It jonge Fryslân

No’t de poëtyske karakteristiken yn it FV yn kaart brocht binne, is it mooglik om te ferlykjen mei de poëzij en de dichters yn It jonge Fryslân. Yn dy ein 1882 ferskynde bondel stean 94 fersen fan 14 dichters; 43 gedichten binne fan de hân fan Troelstra, 15 fan Onno Sytstra; 1 fers is anonym en 2 fersen binne ûnder pseudonym.

De bondel linet swier op Troelstra. Acht fan de 14 dichters hienen earder yn it FV publisearre, te witten Troelstra sels, Bakker, Halbertsma, Jouwersma, Sytsma, de beide Sytstra’s en Wielsma. De bondel heakke dêroan ta twa Grousters, Wytze Gabes Hoeneveld, ûnderwizer, en Sikke Sybes Koldyk, arsjitekt, beide fia Wielsma. Dêrby kamen ek noch Nolo (?), Lútsen Harmens Wagenaar, predikant, en Geart Lourens van der Zwaag, keapman. It dichters­fjild is hjir, mei in trochsneedleeftyd fan ?? jier, yndie jonger as yn it FV, dêr’t it fjild in evenrediger leeftydsopbou sjen lit mar dat likegoed jongere skribinten mobilisearje koe. It is benammen de figuer fan Piter Jelles Troelstra dy’t sawol kwa produksje as wat kwaliteit fan de fersen oanbelanget fier boppe syn bentgenoaten útstekt. Dat die er ek al yn 1880 en 1881 yn it FV. Fierder sjogge wy hjir in grutter oanpart fan de hegerein.

De sjenres en tema’s yn It jonge Fryslân binne ? It grutte ferskil mei it korpus gedichten yn it FV is dat der yn It jonge Fryslân nergens in sosjaal-kritysk tema oansnijd wurdt en religykrityk treft men der ek net yn oan. Al yn de earste strofe fan it earste gedicht, it titelfers ‘It jonge Fryslân’ fan Troelstra, is dúdlik wêr’t it hinne sil:

Nou wolle wy mei sang en klang

It bloisel fen ús herte

Op ’t alter fen it heitelân,

As earstling-offer sette.

De bydragen rjochtsje har op it besjongen fan Fryslân, de Fryske seden en de Fryske skiednis, de natuer, benammen plattelân en waar, it folkslibben en de leafde, dus famkes en âlderleafde. Troelstra en Sytstra bringe in jongere generaasje dichters yn byld en presintearje har wurk as histoarysk bewuste gefoelspoëzij. De suggestje fan in nije en frisse literêre dynamyk yn de titel It jonge Fryslân koe net ien om hinne. ‘[D]at het inderdaad jonge Friezen zijn, die deze verzen dichtten, blijkt op zoo menige bladzijde, vooral ook uit het feit, dat de Muze, die een groot deel dezer verzen den dichters ingaf, eigenlijk amor heet’, skreau resinsint Johan Winkler.Johan Winkler, ‘Uit Friesland’, De Tijdspiegel 40 (1883) 118. Hy telde ‘vele alleraardigste verzen’; ‘niet slechts berijmd proza, maar schoone gedachten in liefelijken vorm en waaruit inderdaad eenvoudig, ongekunsteld gevoel spreekt.’

Forjit my net!

Yn de beide literêre periodiken fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse treft men yn de perioade 1876-1882 mar in lyts tal dichters oan dat ek gauris yn it FV publisearre. Dat binne Waling Dykstra, Onno Sytstra, Piter Jelles Troelstra, Hjerre Gerrits van der Veen en Tsjeard Velstra.

Folle grutter is de groep dy’t dat net die, of mar in inkelde kear: Gauke Andriesse, Gerben Colmjon, Wynsen Faber, Yeb Feenstra, Sake Knilles Feitsma, Douwe Hansma, Lieuwe Tjepkes Heeringa, Sjouke Hylkes Hylkema, Gerben Koopmans, Jacobus van Loon, Tsjibbe Gearts van der Meulen, Lucius Murray Bakker, Alle Jans Smeding, Lútsen Wagenaar, Cornelis Wielsma, J.N. Wiersma, Hessel van der Zee en G.C. Zirschky.

Dichters dy’t yn de beide Selskipsperiodiken publisearren én ek yn It jonge Fryslân binne der ek mar in pear: Sytstra, Troelstra, Wagenaar en Wielsma. Men kin sa sjen dat de Selskipsútjeften fierhinne los stiene, alteast wat meiwurkers oanbelanget, fan sawol it FV as It jonge Fryslân.

Wat it tema en toan fan de gedichten oanbelanget liket dat foar in part ek it gefal te wêzen. Maatskippij- en religykrityk, yn it FV de haadsaak, treft men yn de literêre blêden amper oan, behalve yn in inkeld fers fan Dykstra, Van der Veen en Wielsma. Ek de nije gefoelsromantyk sa’t wy dy yn it FV en It jonge Fryslân tsjinkomme, krijt net folle romte – de bulk fan de (poëzij)publikaasjes yn Forjit my net! en Swanneblommen betreft nutsfoarlêzingen, folks­opfieding, sprekwurdferklearringen, boere- en folksferhalen, mearkes, húslike tafrielen, koartswyl oftewol humor, Fryske skiednis, Fryske seden.

Konklúzjes: it Volksblad

Al foardat yn Hollân de Tachtigers har manifestearren, wie yn de Fryske literatuer neist it kritysk realisme in mear romantysk-estetyske en tagelyk kultuernasjonalistyske skriuwerij op it toaniel ferskynd, yn earste ynstânsje as in urbane reaksje op it kritysk realisme, mar al gau ek as gefolch fan de ‘minne tiid’. Under mear Troelstra miende, yn neifolging fan Dykstra, ‘dat de efterútgong de boeren har eigen skild wie, en fan hjar pronkskens kaam’.J.J. Hof, ‘De Piter-Jelles-joun yn Den Haech’, Nieuwsblad van Friesland (2 febrewaris 1910) 5. In nije Fryske grutskens op in ûndersteld Frysk ferline en ûnderstelde Fryske eigenens wie dêr it antwurd op: Friezen waarden yn feite ferge op har ferantwurdlikheid foar it ferline oer. Dat wie ek ien fan de boadskippen fan de Grutte Histoaryske Tentoanstelling fan 1877.

Sa begûn de folklorisearring fan it folkslibben: it nasjonali­searjend oanpriizgjen, idealisearjen en revitalisearjen fan yn de moderniteit ferdwûne of ferdwinende folksgebrûken en – praktiken.A. de Jong, De dirigenten van de herinnering. Musealisering en nationalisering in Nederland 1815-1940 (Sun, Nijmegen 2001) 22. In fers as Troelstra syn ‘De Terhernster Melkers’ is in foarbyld, skreaun yn de kontekst fan ekonomyske krisis en de komst fan de earste molkfabriken yn Fryslân. Ek de skiednis krige sa’n behanneling, sjoch bygelyks ‘Tsjerk Ages’ fan Wagenaar en ‘Teaco en Gerbrich’ fan Troelstra.

Lykop dêrmei ûntstie in gefoels­romantyk, foaral rjochte, behalve op de stimmingsbylden dy’t natuerferskynsels oprôpen, op kaaibarrens yn famylje- en selskipslibben en op relaasjes mei it ‘hegere’. En sa’t Breuker skriuwt: ‘Der moast mear aksje komme, fûler konflikten tusken eigentiidske minsken mei in fiks poarsje melodramatyske effekten wie ferlet fan.’Philippus Breuker, ‘De fryske literatuer om 1877 hinne’, De Vrije Fries 57 (1977) 69. Sa die de jonge Jetske yn it stik It gouden kroantsje út 1881, fan Velstra, harsels tekoart; soks wie op de Fryske planken noch net fertoand. Sjoen de bekroaning fan ytlike fan Velstra syn stikken troch in Selskipskommisje wie dat ek de kant dy’t it Selskip út woe, wat wer reaksjes útlokke fan realisten as Dykstra en Stellingwerf, mar ek fan de jonge Troelstra dy’t yn 1880 noch sterk ûnder de ynfloed fan it Fryske realisme stie en syn eigen kombinaasjes makke mei de nije romantyk.

Yn dit trijestreamelân fan de Fryske poëzij – folkslibben, kritysk realisme, romantyk – is it FV yn de perioade fan Dykstra syn redakteurskip in grut en belangryk poadium, dêr’t alle trije de rivieren trochhinne rinne. Ferskaat is der folle minder yn Forjit my net! en Swanneblommen, fierhinne neutrale blêden dêr’t fan aktuele maatskippijkrityk net folle yn te merkbiten is. De romantyske ûnderstream yn it FV boazet oan yn 1880, foaral troch de ferskining fan Troelstra, en mûnet yn 1882 út yn It jonge Fryslân, in samling dy’t himsels presintearret mei in literêre begjinsel­ferklearring dy’t lykwols yn essinsje alris troch Velstra yn it FV nei foarren brocht wie. In ferliking fan bydragende dichters lit sjen dat it FV dúdlik in oare groep meiwurkers hat as de literêre blêden, mei mar in lytse oerlaping. In gruttere groep fan FV-meiwurkers publisearret ek yn It jonge Fryslân.

De lettere kanon, sa’t dy ta utering komt yn de ‘offisjele’ literêre skiedskriuwing, bejubelet de blomlêzing fan Sytstra en Troelstra en hat altyd rom baan jûn oan de kombinaasje fan gefoelsromantyk en histoaryske romantyk. Tagelyk is op grûn fan nasjonale motiven it aktuele krityske realisme degradearre ta ‘folksskriuwerij’, foaral om’t dy yn it Fryske kultuernasjonalistyske perspektyf skealik útwurke foar de fersprieding fan Frysk-nasjonaal fielen en entûsjasme foar de Fryske taal ûnder rjuchtsinnige Friezen, foar wa’t it Nederlânsk fan de Steatebibel tradisjoneel de taal fan it hegere wie.

Men socht om 1880 hinne nei alternativen foar it kritysk realisme út de winsk wei om te ûntsnappen oan de djipwoartele maatskiplike en religieuze tsjinstellingen, dy’t har doe alle dagen tige fiele lieten. Soks brocht ek in nije literêre ‘smaak’ mei, dy’t dus net inkeld ekonomysk en demografysk mar ek polityk beskaat wie. ‘Wat kwetsend is voor het godsdienstig en zedelijk gevoel, moet door “den samler” worden geweerd’, skreau de kristlike Banier. It blêd priizge de ‘lieve versjes’ fan Velstra en de poëzij fan Troelstra, ‘een opkomend dichter van grooten aanleg’. Yn it FV sitearre de konservative Huzumer dokter, skriuwer en dichter Lucius Murray Bakker mei ynstimmen it idee fan de tsjerkepartij, ‘dat de eenige weg ter weering van het ontkerstenende en ontfriezende “modernisme”, bekeering is tot der Vaderen God!’L.C.E. Murray Bakker, ‘Een goed teeken des tijds’, FV 5-240 (6 febrewaris 1881) 2. Mei replyk fan Stellingwerf. Dykstra en Stellingwerf lutsen har dêr neat fan oan – krekt net – mar joegen de nije antymaatskiplike Frysk-nasjonale romantyk wol de romte.

Likegoed lit it korpus gedichten yn it FV yn de perioade 1876-1882, dêr’t It jonge Fryslân út opwoeks, foaral de achterkant fan de kanon sjen. Dêr treft men de teksten oan dy’t letter oan kant lein binne om’t se polityk net goed útkamen en foar ferdieldheid soargen, krekt dêr’t de kanon mienskiplike ‘Fryske’ wearden en noarmen neistribbe. Ek de oare kranten fan it ein fan de njoggentjinde ieu – brânpunten fan sosjale werklikheid en konflikt – binne fierhinne bûten de literêre smaak- en kanonfoarming bleaun. Talintfolle, krityske dichters as Jouwersma en Sytsma, dy’t yn it FV noch fûl tsjin tsjerklike tastannen yn respektivelik Skearnegoutum en Ie rebellearren, komme bleekromantysk glêdstrutsen werom yn It jonge Fryslân. It nasjonale kompromiseaske konservative neoromantyk en folkloare. Der wie gjin emploai foar sosjaal-politike poëzij dy’t net tagelyk in Frysk-nasjonale toan oansloech.

Dat wol net sizze dat der gjin nijsgjirrige literatuer skreaun is dy’t yn oar wetter fisket as de fiskferiening; dy’t likegoed tsjûget fan ynventiviteit, foarmbehearsking, belêzenens, muzikaliteit, humor en wolsprekkendheid; dy’t ticht by de minsken stie om’t er in wjerspegeling wie fan har eigen sosjale sitewaasje en fermidden.En dy’t ferballe waard, en as ‘berijmd proza’ op ’e literêre dongbult bedarre, dêr’t de swannen fan ’15 heech oerhinne fleane.

Hjir is de titellist en beskriuwing Fryske gedichten yn it Friesch Volksblad, 1876-1882 te finen.

Noaten

  1. Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (2e pr. Laverman, Drachten 1957) 168.
  2. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (2e pr. Afûk, Ljouwert 1997) 61.
  3. Teake Oppewal e.o., red., Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Bert Bakker, Amsterdam 2006) 88.
  4. Joke Corporaal, Salang’t de beam bloeit. Koarte skiednis fan de Fryske literatuer (Bornmeer/Tresoar, De Gordyk/Ljouwert 2018) 36.
  5. Philippus Breuker, ‘De fryske literatuer om 1877 hinne’, De Vrije Fries 57 (1977) 68.
  6. J.J. Spahr van der Hoek, ‘De agraryske selsfoldienens en de Coloradokever’, De Vrije Fries 57 (1977) 33.
  7. Johan Frieswijk, ‘Arbeiders en werklieden in 1877’, De Vrije Fries 57 (1977) 63.
  8. Meindert Schroor, ‘Woningbouw en stadsuitbreiding in ’t 19e-eeuwse Leeuwarden’, Historisch Geografisch Tijdschrift 2-3 (1984) 76.
  9. Philippus Breuker, ‘De fryske literatuer om 1877 hinne’, De Vrije Fries 57 (1977) 72.
  10. Johan Winkler, ‘Uit Friesland’, De Tijdspiegel 40 (1883) 118.
  11. J.J. Hof, ‘De Piter-Jelles-joun yn Den Haech’, Nieuwsblad van Friesland (2 febrewaris 1910) 5.
  12. A. de Jong, De dirigenten van de herinnering. Musealisering en nationalisering in Nederland 1815-1940 (Sun, Nijmegen 2001) 22.
  13. Philippus Breuker, ‘De fryske literatuer om 1877 hinne’, De Vrije Fries 57 (1977) 69.
  14. L.C.E. Murray Bakker, ‘Een goed teeken des tijds’, FV 5-240 (6 febrewaris 1881) 2. Mei replyk fan Stellingwerf.

Mear fan Abe de Vries

‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie
1 2 3 4 5 6 7 8 9