image

Foaropwurd

Fers2, nû. 21, 12 desimber 2015

Utbestegings

Wy wisten wol dat it bestie. Hiene it wolris sjoen, op bygelyks www.anitapoems.com, “For All You Sport Fans, feel free to share them with family and friends.” Sportgedichten: misken fine dat aardich en dat is prachtich, mar fierder hie it ferskynsel net ús ynteresse. Dat feroare doe’t der ein novimber op Facebook in oprop stie om nei ien of twa priveepersoanen sportgedichten te stjoeren, dêr’t dan in “fraaie bloemlezing” út gearstald waard, útjûn troch Wijdemeer. De antology-gearstaller, it swierste berop yn de boekebrânzje, neamt it berjocht net; faaks besteegje se it út oan Anita. Likemin stiet der hoe’t it kin dat de sportgedichten útjûn wurde by in serieuze útjouwer dy’t eins Pindar syn Fiktoarje oades útjaan moast, de âldst bekende westerske sportpoëzij, yn Gryksk en mei de oersetting fan Klaas Bruinsma. Dy wurket ek fergees.

Want wa moat de “fraaie bloemlezing” betelje? Net de ynstjoerder dy’t syn gedicht yn dat boek ha wol, wat oars yn de frije merkstruktuer fan Fryslân wol it meast logysk en earlik is. Ek net de twa projektûntwerpers dy’t it boek ferkeapje sille op de frije merk, want om de kosten te minimalisearjen hiene se it as print on demand by it Sintraal Boekhús produsearje moaten en de djoere tuskenpartij fan de útjouwer derút litte. Private sponsors binne de minsken dy’t fergees in gedicht oanleverje, in grutte sponsor is der net. De rêst, hast alles dus, wurdt betelle troch de Fryske oerheid, dy’t it sa’t it liket neat skele kin dat de produksje hielendal net effisjint is.

Dizze sitewaasje is al sa lang problematysk dat fragen net mear steld wurde, of op ’en heechst nei losse hannelingen, mar net nei de fundearring dêrfan. Us oerheid sjocht keunst en kultuer (tenei k+k) as in publyk goed. De publyk-goedriddenearring fan oerheidsstipe foar k+k hat opbringsten en kosten. Sterke oerheidsstipe fergruttet de fraach. Mar, sa swingelen de kulturele ekonomen dy’t har mei it belied—mar net de grûnslach dêrfan—dwaande hâlde it debat oan, it brekt ek inisjativen ôf. Want wêrom soe de private sektor him bemuoie mei k+k as de oerheid dat al docht. Dêrom geane de oerheidskosten foar k+k-stipe hieltyd omheech. De Fryske oerheid sjocht dat ek wol. Dat, dêrneist, ynvestearjen yn k+k him letter ekonomysk útbetellet is wishful thinking, dat sille se ek wol witte. Mar de Fryske kultuer hat in minderheidsstatus. Dêrtroch fielt de Fryske oerheid him bûn oan de publyk-goedriddenearring; minderheidskultueren moatte beskerme wurde om’t multykulturalisme no ienris de bêste reaksje liket op kulturele diversiteit.

Omreden fan dy minderheidsstatus ûnderstipet de Fryske oerheid de k+k. Mar it nije, neoliberalistyske debat oer oerheidsbehear, tagelyk mei jildkrapte, beynfloede it Fryske iepenbier bestjoer wol. It bestjoer hat socht om in posityf effekt op de doelmjittigens, billikens en kwaliteit troch gruttere kompetysje en aktive partisipaasje fan de private sektor. Utbesteging soe it bêste middel ta it doel wêze. Mar útbesteegjen fan de publike sektor is in striidpunt, al komt dat yn it Fryske petear op Facebook en op ’e dyk amper nei boppen. Want hoewol’t private bemuoienis mei publike tsjinsten opheve wurdt as it paad nei hegere doelmjittigens en ferantwurdlikens, troch de kar oan de yndividu op ’e frije merk te jaan, makket it fraude en korrupsje op grutte skaal mooglik as de bedriuwsbehearsking fan de publike sektor swak is. It doel fan de behearsking yn in organisaasje is ommers efficiency.

It ynternet helpt mei in list behearskingstekoartkommings, yntern en ekstern, lykas ûntarikkende dokumintaasje oer de prosessen en net-korrekte ynformaasje op in audit. Audit? By bygelyks de tekstburo’s yn Fryslân? Tekstburo Hedwig hat skreaun foar Ensafh, It Nijs, Omrop Fryslân en Heit & Mem, allegearre swier troch de Fryske oerheid subsidiearre organen, mar de webside jout gjin ynljochtings oer de rjochtsfoarm, ienmanssaak of BV of sa, gjin Keamer fan Keaphannelnûmer, gjin jierferslaggen, gjin jier fan oprjochting en gjin oersjoch fan resinte projekten. Dan DAT Tekstburo, dy bestiet mûlk al wat langer as Hedwig. Want al jout DAT likemin in jier fan stifting, it is in publyk geheim dat it jierrenlang opdrachten binnen helle fia feriening It Skriuwersboun, dy’t de aktiviteiten foar syn leden om it oanbod fan DAT hinne tearde. Mar op de bedriuwsside misse alle saaklike data, portfolio’s en jierferslaggen. Sokke bedriuwen komme hielendal net troch in audit hinne. Dochs, nettsjinsteande it grutte risiko yn dit part fan de private sektor, is der komplete útbesteging. Fryske tekstburo’s draaie op oerheidssubsydzje foar k+k; op de frije merk oerlibje se gjin etmiel.

As it sa leit, moat men him dan noch drok meitsje oer de deistige praktyk fan it subsidiearjen fan in k+k-projekt as de sportgedichten? De private sektor kin soks likegoed of noch better oppakke, sjoch mar nei Anita, om’t it ommers net de kwetsbere ‘hege’ keunst oangiet dy’t altyd beskerming nedich hat. Mar as it tinken is dat de Fryske minderheidskultuer noch folle mear beskerme wurde moat, en twa priveepersoanen en in útjouwerij itende hâlden wurde om’t se, doelmjittich of net, wat Frysks dogge, hat it dan noch doel om te praten oer it bêste belied foar dy deistige praktiken?

Want it giet net om de bêste definysje, ideologyneutraal fansels, fan publyk goed en it ôfbeakenjen fan ûnsuver publyk goed. Wis, it nut foar de brûker fan k+k nimt ôf as der mear brûkers komme; k+k is gjin suver publyk goed. De tagong ta k+k kin dêrom effektyf kontrolearre wurde, en dat bart ek, troch de blomlêzing net fergees mar te keap te meitsjen, oft dat no billik is of net. Faaks net, want beheint it beteljen foar de sportk+k net de kar derfoar ta de kânsrike groep? Mar dêr giet it net om en ek net om merkfalen, dat oerheidsstipe needsaket, noch om billikensoerweagingen dy’t in twadde reden binne om de publike sektor in rol te jaan yn it leverjen fan ûnsuver publyk goed. It giet yn de kwestje fan it útbesteegjen fan de publike sektor, hoe ûndoelmjittich as dat ek bart, sels net om oerheidsfalen.

It giet om de fundearring fan de publyk-goedriddenearring yn in minderheidskultuer. Yn ús liberale filosofy, dy't útgiet fan frijheid en gelikens, is k+k in publyk goed om’t it bydraacht oan it wolwêzen fan de maatskippij, yn dy sin dat in sterke publike kultuer mear kar en kânsen jout oan de minsken. K+k is dus net in publyk goed om syn ekonomyske wearde; it is in publyk goed om’t it de autonomy ferheget. Mar, hoewol’t wy allegearre in maatskippij mei in soad kar en kânsen wurdearje, keapje wy gjin k+k mei de bedoeling om de algemiene karbreedte te fergrutsjen, want dan soe ien inkeling betelje foar eat dêr’t elkenien foardiel fan hat. Sa skaf ik gjin voodoo poetry oan om’t dat sjenre oars ferwynt. Dêrom funksjonearret k+k net op de frije merk en subsidiearret de oerheid k+k. Dy docht dat net mei de bedoeling it artistike libben te befoardieljen, mar om de kulturele struktuer fan de maatskippij dy’t yndividuele autonomy mooglik makket, te beskermjen.

Mar yn in multykulturele steat is it beskermjen fan de publike, oftewol mainstream k+k net genôch. Want net kultuer überhaupt jout autonomy; minsken begripe de wrâld troch dy kulturele lins dêr’t se mei opbrocht binne. Foar de minderheid is dat har minderheidskultuer. Sûnder spesjale beskerming dêrfan kin de mearderheid maklik belied fuortstimme dat nedich is om de kulturele struktuer fan de minderheid yn stân te hâlden. Dat betsjut foar de minderheid minder autonomy. Yn it liberale multykulturele tinken is de publyk-goedriddenearring dêrom sa: alle kulturele struktueren wurde beskerme, wylst de ynhâld of it karakter fan de kultuer yn de tiid feroarje mei.

Dat lêste, dat de oerheid de kulturele ynhâld frij lit, ymplisearret in net-essinsjele definysje fan kultuer: kulturele identiteit leit net ûnferoarlik en biologysk fêst. Ynstee fan in beheining ta Fryske kulturele uteringen om’t de Friezen no ienris sa binne, of sa’t de provinsjale kultuernota seit, “Kultuer, taal en ûnderwiis ... in wêzentlik ûnderdiel foarmje fan de Fryske identiteit”, stiet non-essinsjalisme ta dat minsken, dy’t wêr dan ek berne wêze kinne, de Fryske kultuer brûke as har eigen boarne foar selspresintaasje, los fan de ‘multilingua’ en it Nederlânsktalige ûnderwiis yn Fryslân. Non-essinsjalisme stiet sadwaaande de ûntjouwing fan k+k ta en keart de artistike stagnearring, as gefolch fan in lokale histoarisearring en fokus, en de reduksje ta folkloare.

Al hoecht de oerheid inkeld op de struktuer fan de kultuer te passen, foar in minderheidskultuer is it lestiger om dy te beskermjen, troch k+k te subsidiearjen, as foar de mainstream kultuer. Dat wurdt slimmer as de steat de minderheidskultuer net erkent. Nederlân hat de Fryske kultuer nea opmurken as it dêr mar efkes ûnderút koe. Ynstitúsjes dy’t ús oerheden rjochtfeardigje op grûn fan neutrale redenen stypje dêrtroch k+k neffens de noarmkultuer. Belied dat, lykas op de frije merk, basearre is op neutraliteit is net neutraal yn syn effekt; it is neidielich foar de minderheid. Neutraal yn effekt betsjut dat it noarmoanbod oanfolle wurde moat troch de minderheidsrjochten. Wat wy dwaan kinne, of moatte, want it beskermjen fan de kulturele struktuer dy’t wy erve ha is te sjen as in plicht, is ús ryksoerheid te wizen op it oerstiigjende belang fan yndividuele autonomy foar elkenien, sadat just de minderheidsk+k in net-útbesteegber publyk goed is—sadat Omrop Fryslân dus net merkkonform hoecht te funksjonearjen. Mar dan, Fryslân, soe ik it rêstich oan dwaan mei it subsidiearjen fan sportgedichten dy’t as folkoristysk kassakeapje gjin stipe nedich ha en as artistike ekspresje mar amperoan erkenning ôftwinge.

Foaropwurd

Jo meie it sizze, Fryslân!

Fers2, û. 21, 28 novimber 2015

image
Dop fan pin fan Havank. Fûn yn syn bûse. Nei 51 jier sykjen.

It falt net ta om de Kulturele Haadstêd mei help fan private jilden te finansierjen, wylst Fryslâns ekonomy him mar al te stadich en fier ûnder jo ferwachting werhellet. Fansels wolle jo yn dizze tiden fan relative soberens it maklikste besunigingswyt net folslein opofferje. Of sels sparje. Want jo begruttingshistoarje foar it provinsjaal programma-ûnderdiel Taal, Media en Letteren* is sa: 2012› 13.065, ’13› 13.238, ’14› 2.244 —dat komt inkeld om’t de 10 miljoen foar Omrop Fryslân derfan ôf is, wier?—’15› 2.252, ’16› 1.502, ’17› 1.463. De baten binne hieltyd 0, sizze jo. Och wat te dwaan mei dy net-rendabele saken dêr’t de Bestjoersôfspraak en it Hânfêst de útfiering fan ôftwinge, in neilittenskip fan earder bewâld? Koarte of net koarte, dat is de kwestje.

Mar yn jo begrutting 2015 wurdt it budzjet foar Taal, Media en Letteren 3.465, dus 53 persint mear as de yn ’14 begrutte 2.252 en 8 persint fan it hiele programma Kultuer, Taal en Underwiis! En wylst jo begrutting 2015 stadich weromrinnende sifers roait—ék de strukturele budzjetten: ’15› 1.964, ’16› 1.273, ’17› 1.282, ’18› 1.238—set jo begrutting 2016 Taal, Media en Letteren op 7.213! Prachtich! Dêr binnen hawwe jo it budzjet foar de Letteren yn 2016 net apart begrutte, dat is fansels lestich want wat docht bygelyks in Afûk: Taal en ek Letteren, dus... o, hee... o. Jo prestaasje-yndikatoaren foar Letteren binne: “Aantal Friese titels in buitenlandse vertaling: 4.” Tout court.

De prestaasje-yndikator is dat wat, yn jo koartetermynpolityk fan regearjen troch prestearjen, sjen lit dat jo SMART stelde doelen helle binne; it is dat wêr’t wy jo, of jo kultuerbestjoerder, op ôfrekkenje kinne. Dat twingt jo ta sa min mooglik en sa leech mooglike prestaasje-yndikatoaren en ta it net oanpakken fan wiere, efterlizzende problemen, lykas dat jo Fryske boarger amper Fryske letteren lêze kin om’t er op jo Fryske skoallen gjin Frysk leart. Hawar, hoe slim is it dat jo belied foar Letteren 2016 net mear hoecht te omfetsjen as fjouwer oersettingen bestelle?

Faak is sein dat keunst ekonomyske wearde hat en as risikokapitaal ynset wurde kin om ynvestearring yn de Fryske brand te stimulearjen en sa ekonomyske groei te ûntlokjen. Ek kaam, witte jo noch, jierren njoggentich, it stege tinken op dat keunst mienskippen fuortsterkje koe. Krekt tsien jier letter woene de withoefolle private en publike ynvestearders wol ris witte wat no it effekt wie fan har belizzing yn de saneamde sosjale kohesy.

Dat effekt bliek net te kalkulearjen. Want wat is de ‘sêfte krêft fan kulturele lobby’, wat is ‘kohesy’ en wat is ‘keunst’? Yntuityf like it logysk dat, om de boarger yn brede sin in gefoel fan derby-hearren te jaan, dy keunst rjochte wêze moast op de massa en net op de elitêre parvenu, dy’t nammers meastal yn de bettere ynkommenslagen situearre is en hielendal gjin subsidiearre keunst nedich hat. Sa kaam der in Kulturele Haadstêdprogramma mei ferdivedaasje en sûnder hege keunst en folslein frij fan letteren en dat is prima. Wy hoopje dat it in súkses wurdt. Al is dat súkses net mjitber.

Mar wat ferwachtet Fryslân fan syn skriuwers? Jo hawwe it antwurd al jûn: inkeld fan in hânfol oersetters ferwachtsje jo wat—fan de skriuwers neat. Yn de ynstrumintele fisy op keunst smite letteren neat op en letteren falle dus bûten it iepenbier bestjoer.

Ea wie dat oars, witte jo noch, ferline ieu? Fan in protte fan myn kollegaskriuwers binne of wiene de heiten en memmen skriuwers. Myn heit wie Frysk skriuwer. Ik kin jo fertelle hoe’t er dalik út skoalle wei, want lykas is soad fan ús skriuwende âlden wie ús heit learkrêft, syn pin pakte en winters oan syn buro en simmers op ’e stoepe foar hûs it iene skrift nei it oare folskreau. Ik wit fan de ynset fan ús mem om ús heit skriuwende te hâlden, al koe hja dúdlik sjen dat noch de ekonomy noch de kohesy yn Gau dêr better fan waarden. Ik wit fan de wurgens en de stress om’t skriuwers in tige aktyf sosjaal libben laten en liede moasten en ik wit fan de beskamsume earmoed yn de tiden fan kontraprestaasje. Want dy betsjutte nea in wiere fergoeding foar de ferrjochte arbeid sadat skriuwer en maatskippij lykspilen.

Dat wie faaks ek de bedoeling net. Myn heit en syn kollega’s seagen it skriuwen as ien fan de artes liberales, de feardichheden dy’t yn de klassike tiid ‘weardich wiene foar in frij man’ en dy’t him in posysje joegen yn it publike libben en in stim yn it politike debat. It wie de generaasje dy’t him fersette tsjin de ferboargerliking fan de de keunst mei stipendia, BKR en keunstprizen dy’t as streekrjochte útfloeisels fan it kapitalisme de kultuer yn commodity en nearing omsette, it keunstestablishment befêstige en de faak arbitrêre winner direkt befredige mei rom en jild.

Der hearske noch in hiel oare etyk. Keunst hie gjin ‘yntrinsike wearde’. Men seach gjin objektive basis foar it oan eat takennen, of just net, fan yntrinsike wearde. Wol hat de minske altyd, samar, yntrinsike wearde takend oan syn eigen wêzen en troch syn empatysk fermogen oannommen dat it wêzen fan de oar ek sa’n yntrinsike wearde hat. Dat keunst gjin yntrinsike wearde hie betsjutte dus net dat dy weardeleazens de funskjeleazens fan keunst befêstige: dat jo neat oan keunst ha. It betsjutte dat de wearde fan it keunstobjekt, of sels fan it abstrakte algemiene goed ‘keunst’, wol erkend waard, mar dat dy wearde net letterlik kaam te lizzen yn it objekt, wat ommers ferfrjemding en commodity fetishism teweibringe soe. De yntrinsike wearde bleau by it hanneljen fan de libbene minsken lizzen en dat wie it útgongspunt fan de skriuwers en dêrom skreaune se fierder.

Wat mei Fryslân ferwachtsje fan syn skriuwers? In soad. Want jo hoege net fier oer de lânsgrinzen te te sjen om út te finen dat keunstners har net maklik, of net lang, ynsette litte yn marketingpraktiken dy’t it gefolch binne fan de resint opkommen globale ynteraksje, healwei de tweintichste ieu, mei de generaasje fan ús âlden; men mei twivelje mei oan it effekt überhaupt fan fan de ynterne en ynternasjonale image management fan it lân. Mar just wa’t him bewust is fan it fermogen, de funksje en ek de beheiningen fan it doel fan ferbylding, kin, sûnder falskens, de kearn fetsje fan it libjen yn Fryslân, fan dat wat jo ‘regionale eigenheid’ neame. Twad is de skriuwer de hoeder fan yntellektuele frijheid en morele krêft. En tred bringt de skriuwer de lêzer nei ynsjoggen dy’t rasjoneel tinken net fuortbringe kin, nei de gewoanlik yn it deistich hanneljen ûnberikbere perfekte betsjutting. De letteren, as keunstfoarm, kinne nije ferbiningen en tinkprosessen útlokje yn de lêzer, dy’t ta nije ûnderfiningen en ûntdekkingen bûten de tekst liede, en altyd yn relaasje ta de wearde fan de minske. Dêrom binne letteren sa nuttich, om it mar ekonomysk út te drukken, en de iennichste reden dat skriuwers net better betelle krije is dat har bydrage min te mjitten is.

De skriuwers stean klear, Fryslân. Jo meie it sizze.

*Lesten mei-inoar, i.e., strukturele en tydlike budzjetten, x € 1000,00.

Foaropwurd

Sifers

Fers2, nû. 20, 15 novimber 2015

image
Kalliope, muze fan de epyske poëzij. Heechste, wiiste en assertyfste fan alle muzen.

It persintaazje minsken yn Nederlân (yn 2009) dat ea yn syn libben gedichten skreaun hat is 16. Ut de Feriene Steaten komme sifers fan wol 60. It skriuwerssifer fan poëzij liket folle heger te lizzen as it lêzerssifer. Yn Nederlân en Flaanderen leit it persintaazje poëzijlêzers om de 5 hinne. Yn 2008 lies 8,3 persint fan de Amerikaanske folwoeksenen yn de foarôfgeande tolve moanne poëzij, wat in fierder delgeande trend markearret. It soe wêze kinne dat de belangstelling foar poëzij benammen oan de skeppingskant leit en dat dichters it wurk fan kollega’s net lêze. Mar it ferskil tusken de sifers komt benammen troch de stekproeven. Opiny- en merkûndersyksburo’s, meastal de útfierders fan ûndersyk nei lêsgedrach, fergrieme har tiid net mei it hifkjen fan merkfoarkarren fan minsken sûnder eigen ynkommen en opinys fan dy groep binne al hielendal net nijsgjirrich. It hege poëzijskriuwsifer wurdt ferklearre troch de populariteit fan it dichtsjen yn de groep dy’t neat frege wurdt, de jongerein.

Undersyk út 2013 lit sjen dat mear as 20.000 teenagers poëzij skriuwe op de sosjale lêswebside Wattpad, dat mear as 100.000 aktyf de Wattpadgedichten lêze, op de kompjûter en de tillefoan, wylst op de skriuwerswebside foar jongerein Movellas alle dagen 20 oant 30 nije gedichten upload wurde, de meast populêre dêrfan 15.000 kear lêzen wurde en tusken de 20 en 200 comments krije. Teenink, in tydskrift foar teenagers, oprjochte yn 1989, befettet mear as 386.000 gedichten, skreaun troch de lêzers. Mar al fier foar’t se foar de wet folwoeksen binne sille de measte fan dy dichters wer ophâlde mei dichtsjen, lykas de eardere generaasje dat die. It persintaazje fan folwoeksenen dat gedichten skriuwt is yn de Feriene Steaten minder as 1 persint. Yn 2012 wie yn de Nederlânske befolking it persintaazje (aspirant) skriuwers 0,4. Hoewol’t wy witte dat weblogdeiboeken en gedichten de populêre sjenres binne, is it oandiel is fan de dichters binnen dy noch gjin heale persint skriuwers ûnbekend.

Lêzerssifers bliuwe in striidkwestje. In enkête is net geskikt foar leechbelêzen boargers, wat it lêssifer flattearret. De formulearring fan de fragen moat sa dat men oannimme mei dat de partisipanten, ynstee fan in sosjaal winsklik antwurd op te leppeljen, dat fertelle dêr’t se fan leauwe dat foar harsels jildt. Mar dy oertsjûging hoecht net objektyf wier te wêzen. Om de subjektive faktor út te sluten brûkt men wol boekferkeapsifers as hurde feiten. Wylst sels in dichter begripe kin dat lêsgedrach min te operasjonalisearjen is troch it mjitten fan oankeapgedrach, is it net maklik om ûndersyk te finen nei de raasjo lêzen fersus keapjen. Foar it sjenre romantyk yn de Feriene Steaten jildt (yn 2014) dat 64 persint mear as ienris yn ‘e moanne romantyk lêst, foar 35 persint oer dy’t mear as ien kear yn de moanne romantyk keapet. It oanmerklike ferskil fan 29 prosintpunt sit yn downloaden, online lêzen en lienen.

Fan it sjenre poëzij is de lês-keapraasjo net bekend. Wol witte wy dat, al soe it ynternet hjir benammen populêr wêze om ynformaasje oer in gedicht op te sykjen, Nederlanners gedichten op it ynternet lêze, al witte wy net hoefolle; foar it resinte, optimistyske sifer fan 15 persint telle alle rymkes en berneferskes mei. Fan poëzij liene út de bibleteek bestean inkeld skattingen, fan 1 oant 2 persint fan de hiele útlien, mar bekend is dat freonen ûnderinoar bondels útliene en ek dat poëzij faak opnij lêzen wurdt—mei in John Grisham docht men dat net gau. Online lêzen, lienen en opnij lêzen triuwt it ferkeapsifer fan de steefêst as ‘dreech sjenre’ oanpriizge poëzij fierder nei ûnderen, nei 0,5 oant 1 persint fan de totale boekferkeap. Mar oer lêzen seit dat net in soad, likemin as dat lienen fan freonen dat fan rjochten docht.

Hoewol’t bonafide lêzerssifers fan poëzij misse, kinne wy mei in reedlike betrouberheid úthâlde dat de measte minsken, as wy harren dernei freegje soene, oer harsels sizze sille dat se gjin inkelde ynteresse hawwe yn poëzij. Se hawwe der neat oan, sille se sizze. “i’m actually studying poetry at advanced level and i still fail to understand why it was even invented... i mean it really is just a bunch of words and phrases jumbled together and somehow it’s supposed to convey some deep meaningful message..” Dy opmerking, op Yahoo answers by it punt ‘Why is poetry so stupid?’ is represintatyf foar it westerske tinken oer poëzij. It is heechdravende taal om eat te sizzen dat likegoed yn gewoan proaza kin, of healwiis, puberaal geswets oer leafdesfertriet, of sentimintaliteit dy’t aardich is foar froulju en bern mar net foar opgroeide keardels dy’t de serieuze ferantwurdlikheid fan it libben op har skouders tôgje moatte. It is dat idee dat makket dat bern, nei de barbies en lego, har ynteresse yn it dichtsjen ferlieze.

Mar der binne grutte en ûnferklearbere skommelingen. Wylst oplieding de grutste foarsizzer is fan lêzen, naam tusken 1955 en 2005, doe’t it Nederlânske opliedingsnivo omheech skeat, de lêstiid fan boeken ôf mei 46 persint, en fan doe oant 2012 wer ta mei 15 persint, nei 1,5 oeren boeklêzen deis. De demografyske ferskillen binne ek net goed ferklearber. Froulju lêze mear as manlju, yn Nederlân lêst de leeftydsgroep mei de minste frijetiid, fyftichplussers, it meast en Afro-Americans lêze mear as de oare Amerikaanske etnyske groepen. Unferklearber is ek it oprinnen fan it besikerssifer fan de jierlikse gearkomste fan de Amerikaanske skriuwersfakorganisaasje AWP, dêr’t tradisjoneel grutte dichters te bewûnderjen binne, fan 1000 yn 1984 nei heapsteaps 12.000 yn 2014, en de mannichte poëzijútjouwerijen, poetry events en tv-shows mei dichters. “Are too many people writing poetry?” freget de Huffington Post him dêrom ôf.

Bekend is, al is it noch sûnder sifers, dat dichters faak net wolle dat it modernisme dat it gedicht út de húskeamer nei de kolleezjesealen jage, troch it ymplisite kontrakt fan de keunstner mei it algemiene publyk te ferbrekken, ûngedien makke wurdt. Dy opstelling foarmet de kearn fan it protest tsjin stedsdichters, dy’t se sjogge as fertolkers fan de boargerkultuer. De measte dichters, mar it persintaazje is likemin bekend, wolle sa min mooglik konkurrinsje op de kulturele merk, mar fansels sûnder dat it klisjee fan ‘it ein fan de poëzij’ echt berikt wurdt. Wat it ideale tal fan dichters is yn ‘e wrâld is, witte wy lykwols net. Makket 1 of 3 dichters op in befolking fan 100 in goede maatskippij? Of moatte wy ta nei in persintaazje fan 100 om’t, sa’t wol sein wurdt, dichters in heger persoanlik wolwêzen hawwe as net-dichtsjende minsken? Mar wat kin ús dat skele? Josef Stalin wie tefreden as dichter, mar it is net om syn wolwêzen dat hast 100 persint fan ús fynt dat er better dichter bliuwe kinnen hie. En dat is it opmerklikste sifer yn de hiele poëzij. Want yn hast 0 persint fan de gefallen sille wy immen stimulearje om dichter te wurden en te bliuwen.

Boarnen yn alfabetyske oarder: Association of Writers and Writing Programs (2014), Boekblad (2002), CBS (2015), Frankfurter Buchmesse publications (2014), The Guardian (2002, 2013), Geekwire (2015), Huffington Post (2014), Koninklijke Vereniging van het Boekenvak (2015), heechlearaar Boekwittenskip Lisa Kuitert (2012), Leesmonitor (2015), Literatuurforum (2015), Marketingfacts.nl (2007), The Millions (2014), National Endowment for the Arts NEA (2008), National Opinion Research Center NORC (2006), Nederlands Uitgeversverbond (2015), Newsweek (2009), Nielsen Romance Buyer Survey 2014, NRC Next (2012), Pew Research Center (2014), Poetry Foundation (2006), Pumbo (2013), Quora.com (2015), Rapportage Boekenbranche meting 27 (2014), Rekto Verso (2013), Slate (2013), Stichting Lezen (1995, 2007), Stichting Schrijven (2015), Taalschrift (2010), Taalunieversum (2009), Teenink (2015), TNS NIPO (1998, 2007), Trouw (2007), heechlearaar Nederlânske letterkunde Thomas Vaessens (2006, s. 105), Vereniging Openbare Bibliotheken (2015), Vlaamse Vereniging voor Bibliotheek, Archief & Documentatie (2003, 2013), Vrij Nederland (2013), Yahoo answers (2015).

Foaropwurd

Wanhoopje net!

Fers2 nû. 19, 1 novimber 2015

image

We have more moral, political, and historical wisdom than we know how to reduce into practice; we have more scientific and economical knowledge than can be accommodated to the just distribution of the produce which it multiplies. The poetry in these systems of thought is concealed by the accumulation of facts and calculating processes. There is no want of knowledge respecting what is wisest and best in morals, government, and political economy, or at least, what is wiser and better than what men now practise and endure. But we let I dare not wait upon I would, like the poor cat in the adage. We want the creative faculty to imagine that which we know. . .” skreau Percy Bysshe Shelley yn 1821. Wy deroan graach taheakje: en om ris goed te betinken wat wy net witte.

Wa is bygelyks de baas fan de wittenskip? Halbe Zijlstra? Grif net. In wet fan him út 2012 waard yn 2013 mei weromwurkjende krêft wer ynlutsen; syn macht is ferdampt. Minister fan Underwiis, Kultuer & Wittenskippen Jet Bussemaker? Of net in politikus mar in amtner? De direkteur-generaal fan heger ûnderwiis, beropsûnderwiis, wittenskipsbelied en emansipaasje? Wit immen wa’t dat is? Hans Schutte. Sit der krekt trije jier, sil wol gjin wichtige figuer wêze. Mar soe ús demokrasy miskien ús, jo en wy, de baas meitsje? Och nee, net oannimlik. Us bern, ek stimmende boargers, wiene ferline jier yn it Maagdenhuis ommers de figuranten yn in spul dêr’t se de haadrolspilers net iens fan koene, liezen wy kear op kear yn de krante. De media dan? Binne dy de baas?

De wierheid is, wy witte it net! Yn de wittenskip hearsket in nearzige, partidige, beheiningen oplizzende, de frije geast ûnderdrukkende en beslist net-transparente liederskipskultuer. Om’t de machtspatroanen en -praktiken net transparant binne, binne der in soad kânsen foar goede lieders om harren kapasiteiten sjen te litten; de sittende machthawwers helje maklik minsken oan board; se nimme sels minsken oan sûnder ek mar in bytsje relevânsje foar it profyl of projekt; en de earste ûnderhanneling blykt steefêst de bêste yn dizze sektor. Neidielen binne der ek in pear. In net-transparante liederskipskultuer kweket ûnetyske en ûnfolwoeksen lieders; tekoart oan resultaten, gewoanlik feroarsake troch it missen fan kapasiteit en gesach (men selektearret lieders op ien feardichheid en jout oare ferantwurdlikheden en taken, sûnder de minimaal easke kennis dêrfoar te hifkjen); partidichheid oangeande de meiwurkers; al gau hinget it húske fol mei softporno; en it is de net-transparente liederskipskultuer yn de wittenskip dy’t de Fryske literatuer smoart. Koartsein, dy neidielen weagje lang net swier genôch om de kultuer minder net-transparant te meitsjen.

Sa koe it barre dat de Frykse Akademy (FA), dy’t yn gjin jierren wat oan literatuerûndersyk dien hat, in literatuerwittenskiplik boek útjoech, krekt lyn, septimber. De âldirekteur fan de FA bespruts it boek sa: “Dit is in boek dat jim lêze moatte, in boek fol prachtich moai Frysk.” Dat hommels en gol tajaan oan de winsk út it literêre fjild om moaie Fryske boeken, like suspekt. Dat is it ek. It bedoelde boek, Midfrysk goud fan Eric Hoekstra, leit al tsien jier klear en is gearstald yn de frije tiid. Dat it gjin ûndersyk befettet, en al hielendal gjin literatuerwittenskiplik ûndersyk, mar inkeld in leechdrompelige ynlieding, is in minor detail. De kwestje is: wêrom jout de FA no de Mid-Frysk Goudrige ynienen út? Wy witte it net. De yntransparantens docht syn wolkomme wurk.

It útstjoeren fan Fryske skriuwers nei Kulturele Haadstêden om dêr ferbinende research te dwaan, hat immen dêr helderheid oer? Wy beslist net. Troch de—goedkeape—opset derfan liket it net iepen te stean foar minsken mei ferantwurdlikheden thús of op it wurk. It byld fan de Fryske skriuwer dat Fryslân yn Europa sutelje sil is ien fan in man sûnder reële bannen mei de bejubele Mienskip. Om’t skriuwers no ienris skriuwe, swart op wyt, stelt dit hege easken oan de yntransparantens fan de liederskipskultuer. Mar wanhoopje net, iepen noch sletten sollisitearjen is mooglik. De expats wurde yn it djipste geheim útsocht. Se witte it sels net earder as dat se op ’e trein set binne.

Troch in slip of the tongue fan de deputearre foel op de Gysbertútrikking it B-wurd. Ien amerij like alles aaklik klear. Mar al gau sleat de kultuer him wer nei de âlde ûntrochlitberens en it publyk skode ferromme wer teplak yn de yn stoellatten fêstsette tsjerkestuollen. Efkes letter stelde de Afûk ús gerêst dat de B (ynternasjonaal projekt komplete Blomlêzing fan de Fryske literatuer) in opdracht fan in Londense útjouwer wie, foar in twatalige antology, rinnend fan de iere Fryske wetsteksten oant no, en dat der gjin nijs, sels net globaal, wie oer de literatuerwittenskippers, och ja de usual suspects, Alpita de Jong bygelyks, wa wit waard it tiid foar in parseberjocht... Nee gjin noed! De parse wit fan neat en dy te warskôgjen hoecht no feitlik ek net mear. Oersetters wurde socht troch it Letterefûns, dat hat alle kapasiteiten op it mêd fan netbesteande (near) native English speakers dy’t it Frysk oant yn de teannen behearskje, en gewoanlik sjocht de oerheid dizze grutte ynternasjonale projekten as ultime kâns foar kontroversjele taalstanderdisearringen, dus faaks wurdt alles ek oerset nei de staveringsfariant 2015, mar it Letterfûns docht dat en dus witte wy neat.

Ek fan it grutte ûndersyk nei de ‘tastân fan de Fryske literatuer’, beliedsûndersyk foar de provinsjale kultuernota 2017, is hjir neat bekend, útsein dingen dy’t gjinien witte wol. Net by literêr tydskrift Ensafh fansels, mar dochs is in iepen call for papers te praat kommen, de ûndersikers binne stikem oanwiisd yn wittenskiplike omkriten, mar ek wol bûten de kroech, en dat sûnder dat se wisten wat de ûndersyksfraach wêze koe, mar ek wol ris mei foarkennis fan wat se op grûn fan harren ûndersyk konstatearre soene, lykas, bygelyks, dat (de provinsje fynt dat) it net goed giet mei de Fryske literatuer.

Mar de konklúzje dat dy pear jammerdearlike stikjes ynformaasje in teken binne fan ôfbrek oan de net-transparante liederskipskultuer yn de wittenskip, is net rjochtfeardige. It binne mar inkelden dy’t de werklikheid fan de wittenskip samar sjen litte—en dat kin mar foar safier’t de boarnen beskikber binne, wat meastal net it gefal is—en ek mar inkelden dy’t in feilich en etysk spul spylje mei it jild en de tiid fan de mienskip. De grutte mearderheid bliuwt optimaal net-transparant. Freegje harren sels mar: se witte it net.

Foaropwurd

Muze foar matearje oer

Fers2, nû. 18, 16 oktober 2015

image

Op in stuit miste it út gjin sirkus mear. Wie der sprake fan keunstkes, dan waard der in frou midstwa seage. It ambacht fan it midstwa seagjen fan froulju fersprate ringen grandeur. Midstwaseagers waarden útnoege by de keningen, jierliks waarden prizen útrikt foar de bêst midstwa seage frou en der kaam sels in brosjuere yn stienkoalingelsk, mei de tsien bêste midstwaseagers fan it lân. Mar wêr’t de flecht begûn wie, wist nimmen. Guon wiisden nei in boppeminsklike yllúzjonist, of nei fan muzen besochte magyers, of nei stjerlike strjitartysten, mei raffinearre trúks. Oaren bestrieden dat. Om in frou midstwa te seagjen moast men ommers earst in spegel ha; by de spegel wie it midstwa seagjen fan froulju begûn. Sûnt stiene dy fisys foarinoar oer: sûnder yllúzje rekket de spegel yn ûnbrûk—de spegel is in betingst foar de yllúzje. Ienris barde it dat immen útgniisd en fuortstjoerd waard. Dy hie sein: “Yllúzje = spegel.”

Op de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis, ferline wike, gie de deputearre fan kultuer naadleas oer fan literatuer op taal doe’t hja wiisde op it belang fan it yn de ynternasjonale kontekst fuortsterkjen fan de Fryske literatuer en mimere dat dat wis slagje soe, sjoen de ynset fan alle Friezen by it yn Google translate ynfieren fan de Fryske taal. De deputearre fersinde har net. Efkes letter kundige de Tresoardirekteur de winners oan fan de Lytse Gysbert, lykas de ‘grutte’ Gysbert in priis foar literatuer, en woe er ha dat it bysûnder is om te sjen dat jonge minsken har oanlutsen fiele ta de Fryske taal. In jier lyn naam it literêre tydskrift Ensafh, “As oanfolling op ús Aginda (...) ek in gronologysk oersjoch fan de wichtichste literêre eveneminten yn Fryslân” op en al gau pronke tusken dy ‘Literêre eveneminten’ de oankundiging: “23-10-15: Dei fan de Fryske Taalkunde, Fryske Akademy.”

It is wier, in soad literêre aktiviteit is der net yn Fryslân. Under de taalkundedei stiet: “19-11-15: Lesung ‘Nordfriesische Literatur‘ yn Kiel.” De ferhâlding literatuer-taal soe, mei de Kulturele Haadstêd op ’e drompel, reden wêze moatte foar alarm. Ynfieren fan it wurd ‘taal’ op de NL-ferzje fan de Provinsjeside jout 97 resultaten en op de FY-ferzje 52 resultaten; dy 52 dokuminten binne ek yn it Nederlânsk beskikber. Ynfieren fan it wurd ‘literatuer’ yn de sykbalke op de provinsjeside FY-ferzje jout twa resultaten, nammentlik twa nijsberjochten sûnder datum, âld nijs dus. Ynfieren fan de term ‘Gysbert Japicxpriis’ jout gjin resultaten. Dat leit net oan de provinsje, warskôget syn side, mar oan my: “Tink derom dat alle wurden goed stavere binne. / Besykje oare syktermen. / Meitsje de syktermen algeminer. / Brûk minder sykwurden.”

Minder sykwurden brûke lost de problemen op by de provinsje. De âlde kultuernota Finsters iepen (2008) befette amper taal of literatuer en it koalysje-akkoart fan earder dit jier neamt wol taal en kultuer, mar gjin literatuer. De beliedsnota Grinzen oer (2013) redusearret de syktermen ta ien: “Wy kinne de Fryske taal en kultuer net los fan inoar sjen. (...) Keunst en kultuer binne wichtich foar it yn stân hâlden en de fierdere groei en ûntwikkeling fan de taal.” Dêr’t de deputearre yn har priisútrikkingspraatjse wol ûnderskied makke tusken literatuer en taal, werhelle hja de âlde, ynstrumintele bewegersdefinysje fan literatuer: literatuer is wichtich om it behâld fan de taal. Literatuer is in pakket moaie taal. Hoe’t sadwaande it tinken oer literatuer syn berin ha moat, betocht de letterkundige Eichenbaum yn 1926. Om’t literatuer makke is fan taal kin de linguïstyk de grûnslach foarmje fan de literatuerwittenskip. De Fryske Akademy slút nau by dy fisy oan mei syn kwasysovjetformalisme.

Mar woe Eichenbaum de literatuer net just los weakje fan de marxistyske matearje, de taal? Woe er der net just op út dat it doe dominante symbolistyske petear oer muzen, ideeën en ynspiraasje literatuer fierstente gefoelich makke foar moraal en polityk? Jawis: “Dêrfandinne de naïve en patetyske estetyk fan ús âldere literêre kritisy en skiedkundigen, dy’t “fertutearzjen fan foarm” fûnen yn Tjûttjsev’s poëzij en sljochtwei “minne foarm” yn Nekrasov and Dostojewski.” In echo fan sok moreel beoardieljen fan ‘foarm’ hearre wy yn it Gysbert-sjueryrapport; it bekroande boek lit de “rykdom fan it Frysk dúdlik sjen.” Yndie, yn literatuer is taal alles, sa befêstiget Barthes yn 1967 it stânpunt fan Eichenbaum. De funksje fan literatuer is net simpel om in berjocht oer te bringen; literatuer is it brûken fan taal dêr’t taal sels it alderwichtichste elemint yn wurdt. Mar, seit Barthes, de klam lizze op de sintraliteit fan taal as taal foar literatuer kin radikale gefolgen hawwe foar moraal en polityk. Dat kin ferklearje, namstemear by in nasjonalistyske polityk, wêrom’t de oerheid literatuer lykstelt oan taal.

De Fryske kultuernasjonalistyske taalpolityk is evidint. Taal wurdt foar it folk makke troch de oerheid, bekrêftiget de sjuery: “Doe kaam de ‘shortlist’ – dêr’t ik sa wurd om sis! Kin ien by de Fryske Akademy of Tresoar dêr net in Frysk wurd foar betinke?” De kultuernasjonalistyske literatuerpolityk lit minder spoaren nei. Se wiene it, sei de sjuery, samar oer de longlist iens. As tolve titels dúdlik boppe alle proaza fan fjouwer jier útspringe wurdt it tiid om, ynstee fan wiidweidich oer it skriuwen fan Fryske literatuer te praten, dy glorieuze literatuer ris te skriuwen. Mar yn in nasjonalistyske kontekst is dat dreech, leit Levinson út (2001). Literatuer stipet suvere talichheid ynstee fan betsjutting, styl ynstee fan foarm en it bysûndere ynstee fan it universele; literatuer is ûngrypber. Dêrom moat in nasjonalistyske macht literatuer sensurearje, bygelyks as de “stream of consciousness mei in assosjatyf-evokative wurdkar” skaait nei in fingerwizing, dy’t de sjuery gau smoart; it is mar in “metafoar foar de minske.” By tefolle sensuer ferdwynt de literatuer en dat kin ek net, dus taal is goed, prachtich sels, mar net de literêrens derfan.

Ek represintaasje fan of just net fan Fryslân stiet by kultuernasjonalisme faai. It meast opmerklik komt dat nei foaren as de sjuery seit: “Einum is it doel, it iennige doel fan dizze trekfûgel.” Yn it bekroande boek komt in fûgel foar dy’t “fleach (...) nei de fierte” om’t er “de ferlokking net langer wjerstean” koe. Begear en doel wurde faak trochinoar helle; it ferskil is dat doel rjochting hat. Oangeande it fûgeltsje is fan in doel krekt folle letter sprake: “Sintraal-Amearika wie sûnt jier en dei it evolúsjonêr fêstleine doel.” Nee: Fryslân = evolúsjonêr doel. Literatuer = taal. Yllúzje = spegel. En gjinien gniist se út.


1Narratyf perspektyf is de posysje fan de ferteller yn ferhâlding ta it ferhaal dat ferteld wurdt. By it earstepersoansperspektyf sit de ferteller yn it ferhaal en ferwiist er nei himsels as gesichtspuntkarakter mei ‘ik’ of ‘wy’. Yn Einum ferwiist de ferteller konsekwint nei alle karakters mei ‘hy’, ‘er’, ‘sy/se’ of ‘hja’, mar nea mei ‘do’, ‘ik’ of ‘wy’. Der is dus gjin sprake fan perspektyfwiksel. De tredde persoan is it maklikst foar de skriuwer, it meast betroude perspektyf yn de romanskiednis en populêr yn de yntimere sjenres fan românse en detektive, om’t it de lêzer tastiet te fernimmen wat elk karakter driuwt.

2Al binne der ek sinnen fan trije wurden yn Einum, in sinslingte fan 60 wurden is net ûnhearich. De lange sin is sawat in literêr sjenre; by Faulkner, Woolf, Joyce, Beckett of Updike kinne sinnen ien of mear siden beslaan. De hjoeddeiske lêzer soe, bedoarn troch de social media mei sinnen fan net langer as in tweet, dus 140 tekens, foar lange sinnen te ûngeduldich wêze. Miskien is dat sa. Mar de minske fan eartiids wie foarprogrammearre op ûngeduld troch de inkelfâldige, koarte sinnen fan de tsjerkepreketaal, mei ‘ik’ of ‘wy’ en in aktive stim. Dat is de taal dy’t Eeltsje Boates Folkertsma graach brûkt, mar sinnen as dizze binne net ûngewoan: “It eigen libben komt yn ‘e fordrukking fan in al mar tsjûker wurdende en ticht oerwreidzjende frjemde boppelaech en kin him net frij en natuerlik ûntjaen; it frjemde groeit net yn it organysk forbân fan 'e siel en kin syn bifruchtsjend wurk net of lang net genôch dwaen”. Mei 48 wurden is der gjin kategorieel, mar in gadueel ferskil mei Einum. Lang net alle social media comments binne nammers koart:

I like the part when the dude was all like “I ank a nai a durrim” and then this other dude was like “guru dah nai loon” and then they laughed, and I laughed, and we were all laughing, and I had no idea why I laughed

marijuana

Youtube, 2012.

3Krityk op de Goncourt omfettet de algemiene krityk fan ûnbesljochte kriteariakwestjes. Wat is de bêste ynhâld, oftewol hokker rol spylje gender, etnisiteit, leeftyd, meitsje “útienrinnende generaasjes fertellers” in roman better, wat binne de bêste formele karakteristiken, is dreech goed, of just ferkeard, ynbegrepen de drege perspektyfwiksels dêr’t de lêzer gauris yn ferslacht en dy’t in populêre skriuwer dêrom ûntwykt, en binne kritearia nedich? Twad is de académie Goncourt in systeem dat himsels yn stân hâldt, mei troch de académie keazen en foar it libben beneamde leden, hoewol’t in resinte maatregel dy’t de leden op tachtichjierrige leeftyd demisjonêr makket de académie radikaal ferjongd hat; “Mei de selsfelisitaasjes fan de sjuery,” kopte Le Monde by de priisútrikking yn 2012. Tred is der krityk op it hast altyd bepriizgjen fan deselde trije grutte útjouwers, Gallimard, Éditions Grasset, le Seuil (‘Galligrasseuil’) en dus, om’t de útjouwers de boeken fan it lêste jier ynstjoere foar meidwaan oan de wedstriid, it ûnearlik behanneljen fan de lytse útjouwers. De boekferkeap nei it winnen fan de Goncourt makket de skriuwer miljonêr, mar leveret de útjouwer sa’n trije miljoen euro op.

Foaropwurd

Formulearringseffekt

Fers2, nû. 15, 4 septimber 2015

image

In krantestik oer it skrassen fan it fak Frysk op Marnekolleezje smyt in nijsgjirrich ljocht op de foarming fan de politike opiny. Afûkdirekteur Eekma fynt it spitich dat de rektor it beslút naam. Want a. “troch it ôfskaffen fan it fak [Frysk] sille der alhielendal gjin eineksamenkandidaten komme”, mei it subargumint a1. it tellen fan eineksamenkandidaten is “ferkeard rendemintstinken”, b. it Frysk-stimulearjend effekt fan it op de Afûk ûntwikkele learmateriaal wurdt no net berikt, en de subarguminten b1. “Frysk spilet in wichtige rol yn ús mienskip”, b2. it is “wichtich om Frysk te learen om op in folweardige wize diel te nimmen oan it maatskiplike en kulturele libben yn ús provinsje” en b3. “Fryslân is in meartalige provinsje. Wy binne dêr grutsk op.”

‘Fryslân’ is ek grutsk op syn wetter. Dat pompt it lykwols sûnt in ieu sa entûsjast de provinsje út dat de ekologyske tastân en lânskipswurdearring kwine. Soe it etalearjen fan kollektive grutskens op it Fryske wetter der ek wêze as dat wetter der gewoan wie, as deistige ûnderfining?

Likemin hat Fryslân in soad praktyske ûnderfining mei meartaligens. In Amsterdamske basisskoalle dy’t ús romtes brûkte hie te meitsjen mei wol fyftich talen. Wy praten mei de learlingen mei Weerklankgebearten, in meast mimetysk, universeel begryplik part fan de Nederlânske gebeartetaal, dêr’t de bern har eigen lokale fariant fan skoepen. It kaam net by ús op om de skoalle te freegjen oft dy grutsk wie op syn meartaligens. Dat wie der gewoan, lykas oeral op ‘e wrâld meartaligens de normale situaasje is en de hast folsleine ientaligens yn de Europeeske steaten, as gefolch fan njoggentjinde-ieuske nasjonalistykse linguiside, abnormaal.

Grutskens is in noflike yntrapsychyske emoasje dy’t fuortkomt út in positive selsbeoardieling en ûnôfhinklik is fan selsrefleksje. As der sprake is fan doelberette ekspresje fan grutskens op in groep giet it net om de som fan sok yndividuele gefoel, mar om Nationalstolz. ‘Grutskens’ is dan in polityk-diskursyf standertelemint, bedoeld om de publike opiny te stjoeren, oftewol ‘de mienskip’.

Minsken kinne grutte saken net altyd allinnich oprêde—sels machthawwers yn Fryslân net—en dêrom foarmje mienskippen har faak natuerlikerwize om sosjale fraachstikken hinne. It is belangryk om de minsken dy’t de gefolgen fan ingrepen ûnderfine hieltyd te belûken by dy saken. Mienskipspolityk siket politike belutsenens en lytsskalige aksje by lokale politike issues. As dat slagget klinkt “Wichtich foar de mienskip” betrouber; oars beslist net. In typyske non-mienskipspolitike respons soe wêze om mear middelen foar ûntjouwing fan Frysk lesmateriaal te freegjen. Of om, sa’t Eekma docht, út te stellen dat de rektor fan it Marnekolleezje “him nochris better foarljochtsje lit” troch de eksperts en de dosinten Frysk dy’t har wurk net kwytreitsje wolle.

Foar it dielnimmen oan it libben yn Fryslân hat men gjin ferlet fan Frysk ûnderwiis, want it Fryske iepenbiere libben spilet him ôf yn de Nederlânske taal. It opspjalten fan Frysk foar private kommunikaasje en folkloare en Nederlânsk foar de publike romte is direkt gefolch fan it meartaligensdiskoers. Ek hat men gjin ferlet fan in eineksamen Frysk foar in stúdzje. De dea fan prefester Tony Feitsma sleat, sa’t ferline wike it Bûter yn ‘e brijfestival ferswijde, de perioade ôf dat Fryske literatuer en taal as ‘nasjonale’ fakken bestudearre waarden. Feitsma makke de Fryske literatuer sichtber yn it bûtenlân; no is it fak Frysk opgien yn ferlykjende taal en letterkunde, yn geef meartalich-Frysk multilingualism neamd.

Makket net út. Stjoeren fan de politike opiny én it dêrby hearende gedrach blykt nammentlik hiel ienfâldich. Minsken hawwe de oanstriid om de opsje te kiezen dy’t posityf formulearre is: it formulearringseffekt. De kar is hjir tusken Frysk as fak op skoalle en gjin Frysk op skoalle. No komt Eekma. En tink derom, hy hat al ûngelyk: Frysk is wol in needsaaklike betingst foar in fitaal Frysk, mar lang gjin foldwaande betingst. Dus kiest Eekma in oanloklike positive formulearring?

Frysk as fak Gjin Frysk as fak
Kâns op ien of mear eineksamenkandidaten Alhiel gjin eineksamenkandidaten
Gruttere kâns op stimulearring fan it brûken fan Frysk Gjin stimulearring fan it Frysk
Gruttere kâns op maatskiplike partisipaasje yn Fryslân Gjin dielnamme oan it libben yn Fryslân

Nee! Negatyf. Trije kear! Fris werom fan fakânsje kin Fers2 op haren en snaren om’t ôf de publike opiny kearre en Fryslân en de wrâld rêde:

Frysk as fak Gjin Frysk as fak
By steat om Aggie van der Meer te lêzen Minder kâns op de positive feedback, beleanning, wille
Tagong ta de gedichten fan Eppie Dam en rolmodellen, dy’t, tegearre mei gewoante, ferlet en
Kritysk tinke yn eigen taal - dei & nacht ûnderdompeling, de bewiisde taalmotivaasje foarmje
image

Folle lêswille!

Fers2

As der op jo redaksje krityk binnenkomt, dan sille jo dêr defensyf op reagearje wolle. “No ja nóch in tydskrift, jo stelle it wol hiel swartwyt ‘nóch in tydskrift’, it is trouwens mar in lyts tydskriftsje...” Fers2 hat hielendal net reagearre. Want foar krityk op redaksjoneel wurk jildt de Wet fan Muphry, yn de krityk soe dus in gruttere flater sitte as yn dat wêr’t de krityk op rjochte is. En no, seis moanne letter, is Fers2 de defensiviteit fier foarby.

Literêre tyskriften binne in teken fan kulturele fitaliteit en in betingst foar in libbene literatuer. Wurde se ek lêzen? Amper, mar literatuer ek net. Tillevyzje en film binne dêrfan net de oarsaak. It effekt fan de tanimmende mediaferdivedaasje stiet likemin fêst. Foar de finansjele krisis fan 2008 waard yn de Feriene Steaten hieltyd mear literatuer lêzen en Sweedsk ûndersyk befêstige dy ûntjouwing foar Sweden. Yn 2014 skreau sechstjin persint fan de Australyske befolking foar ferdivedaasje en skriuwers binne trochstreeks swiere lêzers. Yn Nederlân is it ûntlêzen lang net sa dramatysk as foarsteld wurdt want de boekproduksje yn it algemien gie yn de tweintichste ieu omheech mei 500 persint en de poëzijproduksje mei 1500 persint. Koartsein, hege literatuer is gjin grutskalige fersiking, mar de dea fan de literatuer, al ieuwenlang oankundige, is net yn sicht.

Dy optimistyske feiten betsjutte net dat literêre tydskriften op de frije merk bestean kinne, troch ferkeap en abonneminten. Dat leit net oan de smelle niche fan elitekonsuminten, want kranten oerlibje feitlik ek net mear sûnder subsydzje. Dat is wrâldwiid sa; ferskillen binne der ek. Yn de Feriene Steaten binne literêre tydskriftredakteuren, útsein dy fan inkelde top journals, frijwilligers en subsydzje giet streekrjocht nei lytse skriuwersfergoedingen of skriuwers bliuwe ûnbetelle.

Oft ús fiksaasje op beleaning fuortkomt út it Europeeske fersoargingssteat-tinken is net dúdlik. Wêr’t it subsydzjejild dat ús kollegatydskriften krije krekt foar is witte wy ek net—Fers2 hat ynsidintele sponsors, gjin subsydzje. Mar it jild makket it ûnnedich om lês- en korreksjebydragen by ynstjoerders yn rekken te bringen, De Moanne hoecht net te wurkjen mei redakteuren sûnder ûnderfining, it oanbod fan Ensafh is ûnôfhinklik fan wat foar fraach dan ek en Y-skrift kin it him permittearje om mei inkeld jonge skriuwers te draaien. Dat is unyk.

Oft it no om publyk of privaat jild giet, tekstromte biede oan wa’t mient dat er oan bar is, is net de bêste besteging. Literêre tydskriften moatte skriuwers oan it wurd litte dy’t artistike en politike fisys ûnwikkelje dêr’t se fan tinke dat de kultuer mei foarút kin. Y-skrift jout net in poadium oan minsken om’t dy jong binne, mar om’t se wat te sizzen hawwe. Lykas alle belangrike tydskriften is Y-skrift oprjochte mei in manifest, meidield op in kultureel sympoasium. As Y-skrift der net wie, soe syn stim ûntbrekke yn ús literêre fjild en al giet it om de echo fan Douwe Kalma, dat moat net.

De Moanne liket sa mainstream dat wy him maklik misse kinne om’t syn stânpunt oeral wol te hearren is. Mar De Moanne is wol it iennichste tydskrift dat it gjin klap skele kin yn hokker taal oft it boadskip brocht wurdt. Us obsesje mei taal makket dat in befrijend stânpunt. Ensafh fertsjintwurdiget de dekadinsje. Non-tema’s as ‘nij’ of ‘ljocht’ iepenbierje it ûntbrekken fan fisy en de ynhâld lit de fokus sjen op in artifisjeel hjir en no. Der is gjin takomst, gjin ideaal, gjin leauwe yn foarútgong want it ein fan de Fryske literatur is tichtby—en tagelyk is der jild by’t soad.

De waaksdom fan de literêre krityk, in relatyf nij sjenre, is foar in grut part te tankjen oan it tydskrift. Yn de achttjinde ieu wie dat net bûn oan literêre stikken, mar it koe dy opnimme of oernimme út kranten, of it koe parten fan periodike essees—de oare oantrúnder fan de literatuerkrityk—opnij printsje en dat foarsjoen fan licht kommentaar. Sa fergrutte it tydskrift it publyk foar literêre krityk gâns.

Dy historyske tydskriftfunksje is by Y-skrift noch net aktivearre; ta krityk is inkeld in mini-eksegese fan in poëzijbondel te rekkenjen, dy’t skreaun is foar de bondelpresintaasje en by ûngelok yn Y-skrift bedarre. De Moanne hat de essinsjele tydskriftfunksje wer deaktivearre. Ommers it blêd presintearret alle lokale attraksjes en aktiviteiten, dêr’t lêzen net de heechste urginsje fan hat, op liberale wize want de konsumint mei frij kieze, dus ûnkritysk. Ensafh’s ein-fan-literatuergeast, dy’t krityk sels net mear yn it bewustwêzen talit, blykt út it lêste foaropwurd. Dy hat it synyske ymperatyf: “Betink sels mar wat, lêzer.”

Jawis, wy betinke wat. Begjin septimber hearre jo wer fan ús!

Foaropwurd

Gysbert Japicx // Gysbert Japicx // Gysbert Japicx

Twa fan de trije shortlistnominaasjes binne gjin goeie boeken*

Hoe komt dat?

Fers2 nû. 13, 20 juny 2015

Gysbert Japicxpriis

* Ien goeienien is oars genôch.

Foaropwurd

Wat is literere krityk en wer dogge wy it foar?

Fers2 nû. 12, 7 juny 2015

image

Dus ik haw it net ferbruid by jo?” frege de fotograaf fan myn pasfoto’s.

Hie ik net krekt sein dat er it knap dien hie, of net mei genoch oertsjûging? Of hie er gjin neutraal oardiel oer syn fakmanskip ferwachte mar in tige partidich oardiel oer it resusltaat?

Withoefolle klanten hiene sekuer it hier foar har suboptimale stikjes gesicht kjimd, wiene foarsichtich de tram yn en útstapt en hiene harsels foar it wite eftergûnskerm noch ris besjoen yn it bûsspegeltsje: perfekt. Mar doe knipte it skerpe studioljocht oan en sleat elk flattearjen út. Dêrnei hie de fotograaf sein dat op in offisjele foto beide earen sichtber wêze moatte. Syn mûlemimyk dy’t trochgiet foar profesjoneel meilibjen, mar ymmuniteit—net hy, mar in hegere macht stelde de standert—koe him dan net mear rêde. Fan it minne byld dêr’t de klant tenei mei troch it ynternasjonale iepenbiere libben moast, slimmer noch, dat fêstlei wa’t er feitlik wie, krige fotograaf hielendal de skuld. Hy hie trouwens sels in rotkop.

Ek as de literêre kritikus gjin begrutlike net-súksesfolle romanskriuwers weromwiist nei har lytse wannabe-wrâld, is syn status leech. In boekferkeaper skriuwt in stik foar de krante, de papieren kritikus krijt wat jild fan de útjouwer om in boek te promoatsjen, de blogger krijt it iene nei it oare boek fergees om der wat oer te sizzen, in oare blogger knipt en plakt dêrfoar út eardere resinsjes in eigen besprek en essee- of romanskriuwende sjoernalisten—yn Fryslân in bekend fersynsel—jouwe har boek oan kollega’s om it hjir en dêr te neamen. Literêre krityk soe it doel hawwe fan help by it lêzen, ynterpretearjen en beoardieljen fan in wurk, mar yn de praktyk hawwe de kritiken faak in ferlokjende toan. Kritisearjen rint ûngemurken oer yn marketing.

It publyk kin ommers wol sûnder krityk. Vladimir Nabokov wie de earste noch de lêste kritikus dy’t fêststelde dat minsken gjin boeken lêze mei de akademyske bedoeling alles oer ien line te lûken. Al fjirtich jier earder hie Louise Rosenblatt warkôge dat ûnderwizers lêzers gjin ideeën oplizze moatte oer hoe’t jo op literatuer hearre te reagearjen, want just út it estetyske lêsproses, dus de trochlibbe ûnderfining fan it lêzen yn de kontekst, hellet de lêzer betsjutting. Dat de ferneamde literatuerekspert Terry Eagleton dêrnei Rosenblatt út syn ynfloedrike ynlieding ta de literatuerteory wei liet, wiist tagelyk op de macht fan it ûnderwiis en op it feit dat literatuerkrityk net in stabyl en permanint ynstitút is, mar dat literatuerteoryen—de linzen dêr’t men troch sjocht—inoar opfolgje. De populêre materialistyske literatuerdoktrine kaam en oerwûn de gâns subtilere reader-response-beneiering fan Rosenblatt.

Hat de skriuwer wat oan de kritikus? Al liket der mear op dat skriuwers dy’t kollega’s besprekke folle fijanniger binne, skriuwers leauwe graach dat har natuerlike fijân de kritikus is. Dy soe literêre ambysjes ha, mar it talint misse en dêrom resinsjes skriuwe. Mar ek as de krityk net op ‘e persoan mar op it wurk rjochte is, hinget it nut fan de krityk ôf fan de feroarjende rol fan de skriuwer. Foar Sartre wie in proazaskriuwer per definysje polityk engazjearre en as de krityk dan formele aspekten oanbelanget kin de skriuwer dêr neat mei. Ek kinne skriuwers mear hawwe oan krityk fan oare skriuwers as oan dy fan literatuerwittenskippers; de rigide arbeidsdieling tusken in kreatyf en in reflektyf proses is ommers net goed te ferklearjen.

De tinker en kritikus Jean Starobinski beskriuwt in foarm fan krityk dy’t gjin ferfine styl hat, foar de akademyske krityk út giet, net altyd goed sichtber is en dêr’t de lêzers út harren fermidden wei kritisy foar nei foaren skowe—yn de praktyk sille dat tink ik skriuwers wêze. Fierder, seit er, makket de mannichte fan ferskillende fisys op literêr wurk dúdlik dat dy ferskillen net inkeld oan smaak tawiisd wurde kinne. It blykt dus dat útsein de rol fan de skriuwer ek de opfetting fan wat litereatuer is en it konsept fan skientme feroaret. Nijsgjirrich is dat Starobinski no net fierder giet mei te wizen op de ferskate literêre teoryen, mar dat er seit dat de eventueel meast weardefolle funksje fan krityk is dat literêr wurk ek skôge wurde kin tsjin oare prinsipes, om’t de fariaasjes fan it kritysk tinken fier oer de grinzen gean fan wat wy literêre teory neame.

Gelokkich hat ûnderwilens it ynternet dy bottom-up, pre-akademyske, net troch kanon en ûnderwiis yndoktrinearre lêzerskrityk foar elk sichtber makke. Oan sokke kritisy hat de skriuwer wiswol wat. Oan sokke kritisy ha sels de kritisy wat.

Foaropwurd

Ferhaleman

(Ienakter foar ien frou, ien man, opsjonele byrollen sûnder fêste tekst, setting no & minimalistysk)

Fers2 nû. 11, 25 maaie 2015

image
Frou De resinte narrative turn! Reklame as ferhaal, it ferhaal as kommersje: wit op wa’t jo jo rjochtsje, kommunisearje oertsjûgjend, spegelje jo publyk, gryp harren oandacht, boar harren emoasje oan! Mei empaty, it fetsjen en fielen fan ‘e gefoelens fan oaren; de primitive emosjonele oerdracht is essinsjeel foar it begripen fan tinken, dwaan en lijen fan de oar! Mei humor, mei nostalgy, mei de Reis fan de Held! Mar—ferkeapje jo ferhaal ynteger.
Man Spoken word poetry mei histoarysk de funksje fan it maatskiplike kommentaar, humor as sosjaal korrektyf, de ferhaleman, yn syn rol as mylde herfoarmer—of radikale wrâldferbetterer?
F Nee, dy skriuwe pamfletten.
Byrol Sprutsen pamflet bestiet net.
M Op Facebook. En de ferhaleman skriuwt fiksje foar de krante. Mar der wie in tiid—
F Jierren tachtich. De autobiografyske monolooch kaam op. Wy keazen net-útsprutsen de bêste út de fertellers fan ús ferhaal. Fan de belangrike tema’s, de ivige hichtepunten en djiptepunten út it libben fan de held, de sprutsen oermyte.
M Folle earder al. Minsken kinne noch amper lêze, tv is der net, byldkultuer mei net fan tsjerke. Folksteater. It materiaal derfoar is krigen fan eigen observaasje en giet oer de skiednis en folklore fan de eigen soarte. Faak ienakters foar twa akteurs.
F Mei in ynlieding oer de útspraak fan it ideosynkratysk dialekt, bygelyks: frouljustaal. En in ynlieding oer it meitsjen fan folksteater, bygelyks: feministysk teater.
M Oars wit de kritikus net wat er skriuwe moat. En it is realistysk drama, mei humor—meastal Schadenfreude—en de setting en it uterlik fan de spilers waarden net feroare om realisme oan de performance ta te foegjen. Want it publyk sil altyd syn kollektive ferbylding brûke en, troch realistysk delsetten fan de aktrise, leauwe dat der eh...
F Dat sy, of yn eardere ieuwen hy, ús stik spilet, ús ferhaal fertelt. Hmm.
M Wat?
B Dat ús—swakke—protest ús drama is?
F Dy held wie in antyheld, want de heldhaftichheid bestie en bestiet út de rigoereuze noasje fan plus iepenheid oer syn swakte.
B Dy held ferliest dan yn de earste akte. Ferheget it drama; kin noch winne yn ‘e twadde of tredde. Mar it is in ienakter.
M Dus de kritikus seit: “Hoe neurotysk moat men wêze? Over-selfconscious, wif, op it manyske ôf.” Oerselsbewust, ja, mar: bewust fan syn natuerlikheid. Dus net selsbewust yn de sin fan te folle besef fan it sels en dêrom selsfatsoenearjend en selsbestraffend. Earder in ûnbedimme ferearing fan syn wêzen, syn natuer, de wiere wrâld. Oerselsbewust fan de krêft fan realisme, oant yn it detail. De Grykske keunstner dy't him selsbewust werkende yn it byld dat er skepen hie fan de minske—
F En de god.
M En har god en dy't de renêssânse derta brocht om itselde selsbewustwêzen te sykjen, doe al mei in dizich idee fan in hoarizon oan kennis, ynklusyf selsbewustwêzen. Letter kaam Hegel mei syn dialektyske ûntjouwing. Gefundenes fressen foar Freud; tsjinoer eltse selsbewustheid soe in grut ûnbewuste stean. Mar eh...
F Affective fallacy, biographical fallacy. Men kin it wurk net beoardielje as ôfspegeling fan it libben fan de skepper derfan. Dat de wrâld net perfekt is betsjut net dat god in minne jeugd hân hat.

Foaropwurd

Psalmen binne de Folkslieten fan de Bibel

Fers2 nû. 10, 10 maaie 2015

psalm

Ut de Joadse mikra en de Ingelske King James haw ik lêzen, om’t se moai fan taal binne. Letter lies ik dat kening James I opdracht jûn hie ta de nije bibel ûnder druk fan it puriteinske aktivisme fan de kalvinisten. Syn iennichste, hastich eask oan de oersetters wie dat hja kreas lid wiene fan de Church of England. De skientme fan de taal, bygelyks troch it werhelle “en... en... en...”, komt foar in part fan misoersettingen. Noch fernuverjender is dat, wylst de bibel altyd neamd wurdt as feit, ‘de’ bibel net bestiet. De digere lêzer wit dat al. It antwurd op de ûnbewenne einlânfraach is faak: “De bibel.” Mar it prototype fan dy kwestje, Robinson Crusoe, koe op haren en snaren in stikmannich boeken út syn skipwrak rêde, en dêrûnder “three very good Bibles.”

Hast altyd wurdt mei de bibel in pocketútjefte fan in bondel fan in beskate denominaasje bedoeld. Want de bibel is in kolleksje fan 24 Hebrieuske of 66 protestantske of 73 katolike losse boekjes. Krekt yn 1555 waard de earste komplete katolike bibel, de Latynske Fulgaat, útjûn, dus nei goed sechstjin ieuwen skriuwen. It ferskil yn it tal fan boekjes komt om’t de katoliken de 24 Hebrieuske boeken dy’t as kanon fêststeld wiene yndielden as 39 boeken foar it âlde testamint en dêroan behalven in nij testamint ek sân deuterokanonike boeken taheakken. Omdat dy sân boeken net streekrjocht troch god skreaun of ynspirearre wiene pleatste Luther se yn in appendiks, en dat sûnder sidenûmers. Dat dekreet fan bline plotleazens gie de lettere reformaasje-protestanten blykber te fier—gjin grappen mei de bibel. Hja skrasten de apokrife boeken.

It psalmboek, in antology fan 150 fersen, wie part fan de kanon en foarmet in frij grut part fan de bibel, al liket it frivoal. It is iennichste plak dêr’t god gniist yn de bibel, faak mei sarkasme: “Myn heare laket om him, want hy sjocht dat syn dei komt” (Ps. 37:13). De psalmen binnen skreaun om muzyk te begelieden; se binne gewoanlik ballades, dus lykas de popmuzyk fan no ferhalen op dûnsbere ritmes. De narrativen geane meastal oer de ûnderfiningen fan deagewoane minsken yn in wrâld fol ûngeriif en drukke werkenbere emoasjes út. Mar men kin se krekt folkslieten neame as se ek tagonklik foar it folk binne.

Dat wie hiel lang net sa. Ein fjirtjinde en troch de fyftjinde ieu hinne kamen der genôch bibels yn sprektaal beskikber, wol 22 yn plat-Dútske en Nederlânske dialekten. Mar dy oersettingen waarden likemin serieus nommen as Luthers bewearing dat doe’t er jong wie, ein fyftjinde ieu, de bibel folslein ûnbekend en net beskikber wie. De sechstjinde-ieuske protestanten fûnen it uterst belangryk om de bibel nei sprektaal oer te setten om’t dat it bekearen ta it kristendom makliker makke, dat is bekend; hast gjinien wit dat folle gruttere protestantske ynspanningen rjochte wiene op in nije Latynske oersetting.

Hoe ‘folksk’ oft de ynhâld fan de bibel is, is ek mar de fraach. In synopsis fan de bibel—ek handich foar wa’t syn list foar skipbrek of mear organisearre retrête út bewenne oarden noch gearstalle moat—giet sa. Skepper ferkiest folk út, jout it in hânlieding foar in moreel libben, dêr’t it folk him lykwols net oan hâlde kin, jout harren dêrom ek in messias om nei út te sjen, lit harren noch wat yn spanning [hjir hâldt de Hebrieuske bibel op en geane de twa kristlike fierder], stjoert dan syn soan, dy sjocht syn liederskip benammen as spiritueel, dus hy blykt net de politike en militêre lieder dêr’t gods útferkeazen folk sa lang op wachte hat, nettsjinsteande de ôfwizing fan it folk bliuwt de messias foar de religieuze machthawwers in bedriging, dy eksekutearje him, nei trije dagen dea komt er wer ta libben—weropstanning is in bibelske running gag: it giet om mear as tsien gefallen, mei Jezus en Lazarus as bekendsten—mar ferlit al gau de ierde foargoed. De typyske ploteleminten fan folksferhalen ûntbrekke: de ferhaalline is yngewikkeld, goed en kwea binne min te ûnderskieden dus de didaktyske wearde is leech, konflikten wurde selden oplost en dan faak net mei flugge aksje of grutte heroyske dieden, mar mei in tút yn in tsjuster park en sa.

Werom nei de psalmen. It liket derop dat men daliks nei it ynfieren fan it kristendom yn Fryslân, oan it ein fan de achtste ieu, de psalmen yn de memmetaal begûnen te sjongen. Nederlân soe krekt acht ieuwen letter in foarearst nominaal bestean begjinne en der waard net inkeld yn it Latyn mar ek yn it Frysk preke. De bline bard Bernlef learde de psalmen fan Liudger de Fryske misjonaris—dat wol sizze, misjonaris mei âlden fan Fryske komôf, mar fier bûten Fryslân berne en inkeld koart yn Fryslân west. Fryslân rekke yn konflikt mei de Saksen, Liudger winske himsels net it lot ta fan Bonifatius in pear desennia earder, flechte fuort en kaam yn it útlân Bernlef tsjin om dy fan syn blinens te genêzen—dat wol sizze, wûndergenêzings en ljocht-tsjuster binne ymmins populêre symbolyk, mar Bernlef bleau grif blyn en it learen fan in psalm kin sûnder útskreaune tekst.

Sjongen is in spesjalisearre kommunikative hanneling, besibbe oan spraak, mar folle mear formeel organisearre en werhelle. Troch al it werheljen lûkt sjongen earder as praten de oandacht fan groepen, hâldt dy better fêst, dus leart maklik oan en noeget ek no, lykas yn primitive mienskippen, ta groepspartisipaasje út. De haadfunksje fan sjongen is om dielde gefoelens út te drukken en de mienskiplike aktiviteiten fan in minsklike groep foarm te jaan. De ynhâld fan songen kommunikaasje, ek of just fan psalmen, is dêrom earder sosjaal as yndividueel en earder normatyf as bysûnder.

Binne psalmen no de folkslieten fan de bibel? Sa giet in kollektyf kleiliet mei poëtysk parallisme, in gjalp út it hert fan Wumkes en Folkertsma (Ps. 60:3-6) om godlike ferromming fan pine en fertriet:

“O God, Jo hawwe ús forstaet, ús útinoar skoerd,

Jo hawwe grammoedich west, kom wer ta ús.

Jo hawwe it lân skodde, it spjalte: genêz syn brekken, hwent it wankelet.

Jo hawwe ús folk hirde dingen sjen litten,

Jo hawwe ús swimelwyn drinke litten.”

Foaropwurd

Frysk Kollektyf

Fers2 nû. 9, 26 april 2015

artur-bordalo
Graffiti-skulptuer Artur Bordalo

It hiele libben bestiet út it oplossen fan problemen … kreative minsken binne probleemsikers … foar elk probleem bestiet in oplossing …

Mandewurden lykas dy hjirboppe bestean om’t se sa goed wurkje. In koartlyn weromfûn probleem is dat fan it Fryske literatuerûndersyk, dat wol sizze, it net bestean dêrfan, yn de Ljouwerter Krante formulearre as ‘Letterkunde: in deade letter.’ Fryske Akademy (FA) noch provinsjale oerheid soene it probleem oplosse kinne of wolle. Thus with a kiss I die.

Problemen hawwe in histoarje en in kontekst; ea is der dus Frysk literatuerûndersyk dien. Mar wannear’t dat dan wie en wannear’t it ophold is ûndúdlik en wêrom witte wy ek net. Yn in krante-ynterview yn 2013 sei direkteur Salverda fan de FA dat de provinsje gjin jild mear jaan woe. Frysk literatuerûndersyk heart net ta de ‘hotspots’ dy’t it provinsjebestjoer oanwiisde, sei Salverda. Fan de fjouwer FA-promovendy dy’t Salverda neamt bliuwe binnen in heale krantekolom mar twa oer, dus de deade letter by de FA giet betsjuttend hurder as destiids de tsien lytse negerkes by ús West-Yndyske Kompanjy. Ien fan de promovendy die neffens Salverda ûndersyk nei ‘it riedsel fan de kwaliteit fan de literatuer’.

It wie net foar it earst dat de romantyske retoryk mei syn foarstelling fan de wrâld as riedsel en fuortbringer fan djip-mysterieuze ferskynsels de wittenskiplik-empiryske strategyen út de minsklike geast ferjage. Oer it wittenskiplik gehalte fan de FA waard haffele fan it earste idee fan in ‘Fryske Akademy fen wittenskippen’ ôf oant yn 1990 finansiering troch de KNAW protest tsjin geleard gedoch net langer opportún makke. En wat de Fryske skriuwerij oanbelanget seit Tsjalling Halbertsma al yn 1828: “Mar nou dêr waeit in oare flagge, / Bin ik út alle skoallen jagge.”

It giet, mei oare wurden, net om de kwaliteit fan literatuer, dy’t him steech ferset tsjin bewiisberens. It giet om macht en om de skynbere autonomy fan de FA dy’t it gefolch is fan in fersnipele wrâld fan kapitalistyske relaasjes, dy’t liedt ta útspraken as dat der ‘te folle’ produkten binne, ymplisearjend dat wy betize fan it goed-Fryske paad ôf reitsje sille dus dat wy ús better beheine kinne—ta ‘hotspots’ en ‘brûsplakken.’*

Hat men it probleem sjoen en omskreaun dan is de folgjende stap de kar fan in oplossing. Sa kin men it probleem fuortnimme, behannelje, of tolereare, of slimmer foarkomme. De FA keas om it probleem opnij te definiearjen, as ‘net in probleem.’ Op syn webside fynt men de online game Sykje de Ferskillen: “De Fryske Akademy fiert wittenskiplik ûndersyk út op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij. Wy ha trije fakgroepen: skiednis en letterkunde, sosjale wittenskippen, taalkunde (…) Yn de 3 fakgroepen, skiednis, taalkunde en sosjale wittenskippen” sitte historisy, taalkundigen, leksikografen en in inkelde sosjolooch, mar: “Yn wurkferbannen en wurkgroepen wurkje wy gear mei amateurûndersikers.”

Kin Frysk literatuerûndersyk dan plakfine, al is dat ûnbetelle? “Soene jo graach dielnimme wolle oan in wurkferbân of wurkgroep, nim dan kontakt op (…) Fan ‘e wurkferbannen kinne alle Akademy-stipers lid wurde (...) standertstipe: € 25,00 en studintetaryf: € 20,00 (kopy kolleezjekaart meistjoere) (…) Leden fan in wurkgroep wurde troch de direkteur-bestjoerder fan ‘e Fryske Akademy beneamd op foardracht fan ien of mear leden fan de oanbelangjende wurkgroep (...) Sokke rûnten besteane der û.o. op it mêd fan argeology, lânboukunde, biology, literatuerskiednis, Fryske oarkonden, maritime skiednis, genealogy, musikology, heraldyk, taalkunde...” Just. Fan 2012 ôf hat de FA gjin letter Frysk literatuerûndersyk publisearre en de pear ûndersikers dy’t bûten de FA om essees publisearje hoege gjin inkelde stipe te ferwachtsjen.

In fruchtberder alternatyf is om in Frysk Kollektyf op te rjochtsjen fan profesjonele en amateur literatuerûndersikers dy’t mei-inoar harren ûndersyksprojekten opstelle. De ymplemintaasje fan dy oplossing is ienfâldich want letterkundige artikels wurde al skreaun, de provinsje subsidiearret dat en de FA arbeidet op mei minsken dy’t net op de leanlist stean. Help fan wjerskanten en kreative doch-it-selspolityk kinne ús letteren noch rêde, ek fan ûndeade wurkferbannen en de hyperkontrôle fan de hotspots.

* Iepenbiere douches.

Foaropwurd

‘Folksskriuwerij’

Fers2 nû. 8, 12 april 2015

friske thil

De kar tusken folksskriuwerij mei en sûnder skrapkes is in lestige. Docht men it net dan wurdt men al gau rekkene ta it kamp fan Fedde Schurer. Dy wynde him yn alle bochten om sjen te litten dat de term ‘folksdichter’ ûnsinnich wie om’t der gjin teoretysk ferskil tusken in ‘folksdichter’ en in ‘dichter’ bestie—mar fansels wol in praktysk ûnderskied, nammentlik dat fan keunst of kitsch. Brûkt men al skrapkes, dan sit men yn it Anne Wadmankamp, dy’t de term ‘folksskriuwerij’ net sasear leechlizzend brûkt, as skriuwsels fan folksskriuwers, as wol yn in beslist elitêr besykjen om omtinken te freegjen foar de meast kwetsbere hoeke fan kulturele produksje: de skjinne keunsten.

Mar de soarch foar de hege keunst wie net de faktor dy’t de trochslach joech by myn kar foar skrapkes. It wie de taal fan it artikel dêr’t de ‘folksskriuwerij’ sintraal yn stie, it Nederlânsk. As jo saniis noch tochten dat skrapkes no ek wer net safolle ferskil meitsje, sjoch hjir wat der bart yn in frjemde taal:

Friese volksschrijverij ‹—› Friese ‘volksschrijverij’

De politike lading fan benammen de skrapkeleaze ferzje falt ynienen op. De earste fan de trije karakteristiken fan in by-literatuer (littérature mineure), sizze Deleuze en Guattari, is de ferbining fan de yndividu mei in politike direktheid. In by-literatuer komt net fuort út in minderheidstaal, mar in minderheid konstruearret syn literatuer, dat wol sizze syn bewustwêzen fan eigenheid, út de taal fan de kultuer dy’t om de minderheid hinne leit. It is de mearderheidstaal dy’t revolúsjonêre betsjutting leveret. Dat makke skrapkes needsaaklik, of haadletters. Eks-koloniaal Súd-Amearika hat syn Magysk Realisme, wy ha it sjenre fan de Fryske Folks-Skriuwerij.

Nei dat sjenre wurdt gjin ûndersyk dien. Nei gjin inkeld literêr sjenre wurdt yngeand ûndersyk dien want de Fryske Akademy docht al jierrenlang gjin literatuerûndersyk mear en is dat ek net fan doel. De foarsitter fan it Skriuwersboun rôp in pear wike lyn yn de Ljouwerter Krante Provinsjale Steaten en de Fryske Akademy op om “mei gauwens struktureel plak” yn te romjen “foar har haadtaken.” Mar dat moat in fersin wêze. Der is neat dat literatuerûndersyk fansels ta in haadtaak makket. Opmerklik is dat oerheden en sivile organisaasjes dy’t grutsk binne op har wolfeart, kultuer en boargers in soad belang ha by wittenskip en keunst en yn Fryslân is dat net it gefal. Mar grutskens is ek gjin taak.

Yndividuele ûndersikers hawwe in etyske, sosjale ferantwurdlikheid, mar ‘de wittenskip’ as maatskiplike sektor hat dat net. In ûndersyksynstitút is in kommersjeel bedriuw dat as sadanich syn eigen taken stelt. Bestjoersôfspraken tusken Ryk en Provinsje lykas de Bestjoersôfspraak Fryske taal en Kultuer dy’t it Skriuwersboun liket te bedoelen, binne deals mei earst in heech burokratysk nivo—registraasje ûnder in CROHO-nûmer soe fan de bacheloroplieding Frysk it stipulearre ‘haadfak’ meitsje—en twad in beheinde duorsumens. Op de fraach oft de stúdzje Frysk wol út Grins ferdwine mocht, andere de provinsje: “Yn de nije Bestjoersôfspraak wolle wy...” Fierder binne bestjoerlike partijen, ynbegrepen Provinsjale Steaten, bûn oan it Europeeske hânfêst foar regionale en minderheidstalen en ien fan de basisprinsipes fan de Europeeske Uny is it bewarjen fan de Europeeske taaldiversiteit. Mar it hânfêst is rom ynklaaid. Oerheden moatte wol wat dwaan foar kultuer, “as well as literary work”, mar “to the extent that the public authorities are competent, have power or play a role in this field.” Kompetint yn it literêre fjild? Provinsjale Steaten? Fansels net. Dus se wolle dy haadtaak bêst, mar se kinne it net, o sa sorry.

Fan kompetinsje en macht ûnôfhinklike ferplichtingen geane oer sosjale en ekonomyske aktiviteiten. Hannelwizen dy’t ûntwurpen binne om brûken fan de minderheidstaal te ûntmoedigjen moatte tsjingien wurde en it brûken fan de minderheidstaal moat fasilitearre wurde op wizen dy’t net yn oare artikels omskreaun binne. De Strasbourger Skriuwerij, him altyd bewust fan syn eigen synisme, is op syn bêst as it oer ekonomy giet, ommers de EU is in ekonomysk ferbân. De empiry kloppet; de minsken beynfloedzje de ekonomy mar ekonomy beynfloedet ek de sosjale prosessen troch de noarm dy’t it de konsumint foarhâldt. En sosjale—en kulturele—stagnaasje kin komme troch ferkearde ekonomyske yngrepen. Mar al is dat it iennichste artikel dêr’t men yn teory wat druk mei útoefenje kin, yn ‘e praktyk hat men der net folle oan. Gjin inkelde oerheid sil him ûntfanklik ferklearje. It hiele artikel is oer te slaan: literatuerûndersyk is ommers gjin ekonomyske aktiviteit. Sa koe oan elk ynstitút de stúdzje Frysk opheft wurde.

En Strasbourg oerskat de rol fan de konsumint, dy’t lang net altyd in kar hat. Wy hawwe ommers mar ien FA. De resinte útspraak dat foar’t de FA oer literatuer tinke wol, dy Fryske literatuer “him earst mar ris bewize” moat, kaam net tafallich út de mûle fan in man dy’t him nea noch nimmer hoecht te bewizen—de direkteur fan de FA. Foar de FA liket itselde euvel op te gean as foar de Steaten: ynkompetint en machteleas yn it literêre en literêrhistoaryske fjild. Dat as wittenskip net langer útfierd wurdt—as men, troch kalamiteiten of polityk, op in stuit ophâldt mei it sammeljen en ûndersykjen fan data—kennis gau ferlern giet en ekspertise lestich opnij op te bouwen is, dat falt it meast op yn fjilden dêr’t libbensrêdende techniken ûntwikkele wurde. Mar it jildt krektsa foar literatuer. Yn 2012 ferdwûnen de lytse talen út de universiteit en dêrmei ek de Fryske by-literatuer. Dat betsjut no al dat der gjin nije literatuerwittenskippers mear útstreame. Mar de FA docht al sa lang gjin literatuer dat dy net mear by steat is om dat fjild fan ûndersyk opnij op te bouwen.

Geregeld binne der ‘calls for papers’ foar konferinsjes lykas dy fan de universiteiten fan Cambridge en Londen oer Minority Writing in European Literary Fields. Men stjoert in abstract fan in pear hûndert wurden yn en kin dan oan nije Fryske kennisûntjouwing dwaan, bûten Fryslân. De earste karakteristyk, neffens Deleuze en Guattari, fan in by-literatuer is deterritorialisaasje, de oanfal op de mearderheid troch de taal bûten it territoarium te brûken. Dat dy mearderheid binnen en net bûten Fryslân lokalisearre wurdt is, likemin as by Kafka dêr’t Deleuze en Guattari har teory op basearje, nij yn de Fryske histoarje. De ‘folksskriuwerij’ dy’t net stilhold by syn kulturele grinzen en syn ‘folkse’ nasjonaal bewustwêzen, bedrige net it Nederlânske territoarium mar it Fryske. De tredde karakteristyk is kollektive wearde, “la littérature est l’affaire du peuple.” Ek ûndersyk nei literatuer is ús soarch. Gelokkich binne wy sels by útstek kompetint en machtich yn dat fjild.

Foaropwurd

Cosmo * Cosmo * Cosmo * Cosmo * Cosmo

Hjir is it Cosmo-nûmer fan Fers2: troch froulju, foar froulju en oer froulju.

Fers2 nû. 7, 29 maart 2015

Us ferhaal …

Begjint miskien by Jane Austen, de earste frou dy’t leafdesromans skreau dêr’t froulike lust it tema wie:

He, who had always inspired in herself a respect which almost overcame her affection, she now saw the object of open pleasantry. Her mind received knowledge which had never before fallen in her way. By Elizabeth’s instructions, she began to comprehend that a woman may take liberties with her husband.

Of it begjint 2500 jier earder by it langstme fan Sapfo fan Lesbos:

Gean stean en sjoch nei my, each yn each

Myn freon,

Lit de skjintme fan dyn each frij

Of by de eroatyske fersen fan Rixt, hûndert jier nei Austen:

As klanken weaget, wâl’t it yn my om

As gleone wyn, dy’t waarm myn bloed trochstriel’t

Al om 1900 hinne waarden yn de Feriene Steaten tûzenen dime novels skreaun, troch, foar en oer froulju. Guon giene oar groulike moarden, guon oer pioniersleafdes, mar de measte fertelden oer romantyk thús en yn it mondaine libben, dus oer houlik, leafde en lust, oant yn de yntymste details. Pulp magazine romance begûn mei yn 1920 mei Street and Smith’s Love Story en Harlequin Enteprise makke fan de pulp romantyk in goedkeape massapaperback dy’t enoarm populêr waard en bleau.

Troch de desennia hinne feroare de standertyntrige wat, fan in âldere hear dy’t in kwetsbere jonge frou ferliedt, fia de ‘boddice rippers’ fan de jierren 70, dy’t te werkennen is oan it omslach mei in man mei trochtreend bleat boppeliif en in frou klaaid in jurk dy’t by har skouders del glidet, nei in partner fan gelikense leeftyd en, soms, machtsposysje. Mar noch altyd kin it sjenre simpel omskreaun wurde as in boekje mei in sintraal leafdesferhaal en emosjoneel hiel befredigjend. Op dit stuit komt sa’n tachtich prosint fan de boekomset yn Amearika fan romantyske pulp fiksje.

Krekt de feministyske krityk op de pulp romantyk is sterk. Net inkeld it ferkrêfingstema—as se nee seit bedoelt se yn de pulp magazine romances fan ja—is dêrfan de oarsaak. Behalve genderrolbefêstigjend soe, benammen neffens feministyske akademisy, de pulp romantyk ek gjin serieus sjenre wêze. Froulju moatte boeken lêze dy’t sosjaal en polityk wichtige saken behannelje en gjin lossinnichheden as leafde. Ek dat liedt ommers net ta de befrijing fan de frou. Deselde krityk jildt frouljusblêden lykas de Cosmopolitan, dy’t foar tsien prosint út nije moade en rabberij oer it leafdeslibben fan celebreties bestiet en foar njoggentich prosint út leechdrompelich seksadvys. De Cosmopolitan ferskynt elke moanne yn hege oplagen yn 44 talen, oeral op ‘e wrâld.

De krityk is net mei rjocht. In froulike skriuwer wie in útsûndering yn 1900. Mar wylst oant fier yn de 20ste ieu alle oare foarmen fan pulp fiksje, lykas detektives en science fiction, manljuswurk wie, bewiist it oannimmen fan froulike pseudonimen troch manlike romantykskriuwers dat leafdesferhalen hielendal it domein fan froulju wiene. Pulp romantyk waard skepen yn de keuken, oan it oanrjocht. Doe’t ien kear de plotline fan lust & leafde fûn wie ûntstie der in ferskuorrende fraach nei de ferhalen. Dame Barbara Cartland hat mear as 700 titels skreaun. It hat de pulp romantyk west dy’t makke dat froulju karriêre meitsje koene as skriuwer.

Dêrneist is in grut part fan de pulp romantyk wiswol krityk op de besteande sosjaleferhâldingen. Tajûn, pulp romantyk is foar in part in flecht út de realiteit, mar dat is it lêzen fan fiksje hast altyd. En it móat ek, nammentlik om ideeën foar in nije werklikheid te foarmjen en mentaal te testen. De romantyske ferhaalstruktueren lieten dat ta kommunisearre waard dat froulju foar har rjochten opkomme koene. Dêrtroch koene swarte skriuwers har binnen it romantyske ferhaal ek polityk uterje en dêrom ûntstie de lesbyske roman binnen it romantyske pulpsjenre en dêrom like de pulp romantyk effekt te hawwen op te werklikheid foar froulju. De fraach fan de romantyske froulike protagonist om in kondoom soe sels ynfloed ha op it kondoomgebrûk bûten it boek, sa liket it. Seker is dat troch de polulariteit fan de pulp romantyk froulike auteurs yn Amearika har in gelikense status as auteur wûn ha.

Yn 1993 hat Jelma Knol ûndersyk dien nei de posysje fan de frou yn de Fryske literatuer. De útkomst wie uterst helder: der is in flink glêzen plafon. Hilda Talsma wie der doe noch net—Hilda, lûk dy neat oan fan feministen en noch minder fan akademisy lykas ik!—mar dy hie ek gjin nocht hân om te ekskús-Truus te spyljen. Yn 22 jier is der net in soad feroare. Ferline jier sprutsen op it Sirkwysympoasium twa froulju en ien man, dat is moai. Mar no, 2015, is it in Belangryk Jublieumjier en sjoch: de fjouwer sprekkers op it sympoasium binne allegearre manlju.

Foaropwurd

O P R O P !

Anargisme Fers2

Fers2 nû. 5, 28 febrewaris 2015

Is jo eftergrûn fan anargistyske aard? Ken jo famylje ferburgen anargistyske ferhalen, healfergeane anargistyske foarâldermyten en raffelige oerleveringen út eardere anargistyske generaasjes? Kenne jo faaks fan it libben fan jo sibben de anargistyske feiten?

Dan kinne jo Fers2 geweldich helpe!

Ien jier lang sil Fers2 omtinken jaan oan anargistyske mikrohistoarjes en ferhalen út it deistige libben yn Fryslân. Mail ús op ynfo@fers2.eu. Al jo bydragen binne wolkom!

En hjir fine jo ien fan de âldste bewarre bleaune anargistyske lieten dy't foar de Earste Wrâldkriich songen waarden yn Fryslân, troch Sijke Louwenaar-de Vries.

Foaropwurd

Falentyn

Fers2 nû. 4, 13 febrewaris 2015

image
Al it byldmateriaal op Fers2 is, sa't jo miskien al útfûn hawwe, taastgefoelich (mei de mûs!).

Hoe faak lêst men yn in tydskrift net in foaropwurd en as men it út hat, tinkt men: Wêrom stie der eigentlik in foaropwurd? Ja, soms as men de plichtmjittige oanhef “Bêste lêzer” sjocht dan wit men it al:

De redaksje—want feitlik giet it yn tydskriften net om in prolooch ta de tekst mar om in redaksjonele ynlieding ta syn bedoeling en seleksje—is optimistysk oan in nij nûmer begûn, seach pas let dat de stof fan de kopij net gearfalt mei de redaksjonele ideeën oer de perfekte (Falentyn-)kopij (softporno) foar dit perfekte tema (softporno) yn in perfekt tydskrift (...), die der noch langer oer om te betinken dat de oarsaak fan de mismatch fan winsk en werklikheid hielendal by de redaksje sels lei, stiet no, te let om om te kearen, foar it feit fan de kopij (estetysk, leaflik, yntellektueel, gefoelich / gjin softporno) en it optimisme is omslein yn nerveus pessimisme.

Der is sprake fan redaksjonele ûnachtsumheid. Dêrom is de ynlieding dy’t nei it “Bêste lêzer” folget gjin ferklearring fan de tekst en de yntinsje, foar safier’t de lêzer dy net maklik út de tekst sels begripe sil—wêr’t in ynlieding foar bedoeld is—mar in eksegeze fan it redaksjoneel gewisse:

  • “De redaksje woe de meidoggers gjin foarm optwinge” (de redaksje hat Nietzsche lêzen).
  • “De redaksje kin nimmen syn frijheid ûntnimme” (en de Nietzsche for dummies).
  • “De redaksje leaut yn de komst fan frije geasten” (mar hat it noch mar heal begrepen).

Dan sil der in ferklearring fan skuld komme, yn ien fan de trije farianten:

  • Ferhoalen - “De skriuwers ha har uterste bêst dien...”
  • Ekslilisyt - “De skriuwers ha har uterste bêst dien...”
  • Lamentearjend - “De skriuwers ha har uterste bêst dien...”

En foar’t úteinlik it ferromjende “De redaksje winsket jo folle lêswille” folget sommet de redaksje de ‘ferrassende feiten’ oer it nije nûmer op (struit in hânfol trivia):

  • “Der is nea earder in Frysk foaropwurd skreaun oer Falentyn.”
  • “Ek gjin inkeld Frysk foaropwurd oer fellatio.”
  • “En hielendal nea oer de echtheid fan de fellatio yn Warhols film. Miskien wie it wol in hand job.”

Nee, dit foaropwurd hie der likegoed net stean kinnen. As jo Falentyn misse, is dat ek net slim. De sneon nei Falentynsdei wurdt yn Roquemaure, Súd-Frankryk, it Fête du Baiser fierd. De ferheven gedachten fan hjir krije dêr substânsje. De redaksje winsket jo folle wille, ek mei Fers2!

Foaropwurd

Twawykliks Frysk literêr tydskrift

Fers2, nûmer 1, 1 jannewaris 2015

Als je het hardop herhaalt

zie je landschappen zich ontvouwen

een novemberse zandplaat in de Waddenzee

de desolate vlaktes ten zuidoosten van Glen Coe

en ga je turf ruiken, leisteen

twee adelende hazen in de schuur

Vijf loeizware lettergrepen

met meer gewicht dan alle elementen tezamen

tohoe wa bohoe, de aarde woest en ledig

in de Hebreeuwse tekst van Genesis een vers twee

Fragmint fan K. Michel, ‘Vers twee’ (út de bondel Watervrees, 1999)

Yn dizze dagen fan regel en gewoante skriuwt it sjeny syn foarsisbere sinnen kreas tusken de wenstigens; syn sa út en troch út de oarder brekkende skittering, dy't syn redakteur steefêst lykmoedich skrast, past al lang net mear yn syn eksistinsje fan oanpassing – nee. Oarsom:

Fers2 is in nij Frysk-literêr tydskrift, te finen op it world wide web op it adres fers2.eu, oprjochte en yn in baan om de ierde brocht troch de redaksjeleden Friduwih Riemersma te Amsterdam en Abe de Vries te Aldsyl op 1 jannewaris fan it betsjuttingsfolle jier 2015. Want wat is nij yn '15?

Fers2 is in reaksje op de needsaak ta selsbewustwêzen, ferromming en kwaliteitsferheging. Fan de Fryske literatuer, fan dyselde literatuer op ynternet, fan literatuer- en kultuerkrityk yn it Frysk, en fan it besef dat literatuer, elke literatuer, elke Fryske tekst inkeld libje kin as er himsels rekkenskip jout fan syn woartele tradysje, syn aktuele meartaligens en syn nasjonale, Europeeske en mondiale kontekst. Fers2 is in ynternettydskrift dat net om ’e nocht de ekstinsje .eu brûkt; op it ynternet bestean grinzen noch kulturele territoaria, mearderheden noch minderheden, ûnoantaastberens noch bedriging. Fers2 kin dêrom literatuer syn eigen gong gean litte en in stimulâns foarmje foar de autonoom-kulturele dynamyk yn Fryslân.

Fers2 is fan doel en bring elke fjirtjin dagen – nei it foarbyld fan Farsk – in nûmer út mei bydragen yn ien of mear fan de kategoryen proaza en poëzij, besprek en skôging, nijs en aktualiteit, wurd en byld. Neist it twawyklikse online tydskrift sille aparte temanûmers en in jierboek yn printe foarm ferskine.

Om Fers2 mooglik te meitsjen op in wize dy’t skriuwers safolle mooglik rjocht docht, begjinne wy in crowd-funding aksje. Wy sjogge it konflikt tusken keunst en oerheid as ynherint en net fruchtber dêr't it ús kearnaktiviteit oanbelanget – it publisearjen fan byld en tekst op ynternet. Yn de keunst binne lowbudget, ûnôfhinklikens en kwaliteit fêst ferbûn. Wy ferwachtsje dat it yn Fryslân mooglik is om mei súkses in berop te dwaan op de kulturele ‘stakeholders’ foar de finansiering fan Fers2. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de aksje.

Mar jild is in futiliteit—it binne de skriuwers, keunstners en oare kreative sjenyen en boppedat de krityske lêzers dy't Fers2 mooglik meitsje moatte. Elke punt dy't jo pin set is in aktive feroaring fan de besteande wrâld en yn dy sin a priori weardefol as skepping. Alle bydragen oan it tydskrift kinne jo maile nei ús redaksje-adres ynfo@fers2.nl. Fan herte útnoege! Jo meie yn alle gefallen rekkenjeop in kundige, saaklike en, hoopje wy, ynspirearjende respons en eventuele (skriuwers)begelieding.

It is, noch mar krekt, 2015. Wy winskje elkenien in hiel goed nij jier. En in nije Fryske literatuer? Dat is – fers twa.

De redaksje:

Friduwih Riemersma

Abe de Vries


00:00