image Fers2

Foaropwurd

Fers2 2.20, 18 desimber 2016

It KH-Oerlibbingspakket foar Keunst VIII: Gewisse

Noch nofliker as ynternetaktivisme, in flugge mûsklik op ’e Avaazwebside of sa, is de laid back activism fan it opstrewearjen, fanút jo readplusen stoel mids al jo morele meistanners, fan politykkritysk teater. Polityk teater, lykwols, bestiet net mear. Brecht is dea, Aksje Tomaat fergetten. Artistyk direkteur Ola Mafaalani fan it NNT helle oardel jier lyn it nijs mei har grutte belutsenens by de flechtlingen, mar wy seagen har ôfskiedsútfiering dus dat is dat. “De keunst is net mear engazjearre,” hie Mafaalani fêststeld. “Yn Fryslân hat, útsein twa dichters, gjin inkelde keunstner de flechtlingen stim jûn,” sei ik. “Wêrom net?” frege myn teaterpartner. Mar dat is ûnbekend. Minsken hawwe gewoanlik net in reden paraat foar de dingen dy’t se net dogge. De Fryske keunstner set net op syn Facebookmuorre wêrom’t er him fier hâldt fan it politike en maatskiplike debat. It har freegjen set de doar wiid iepen foar allerhanne sosjaal winsklike antwurden dy’t wy sa wol riede kinne. Hie ik net sels niis noch yn de Stedsskouboarch mei ferskate ferlechjes myn keunstnergewisse delbêde.

Mar de betingsten foar maatskiplik engaazjemint binne goed ûndersocht. Oanlieding wie faak de noed om de jeugd en syn ûnderstelde tekoart oan nocht en bekwamens om allinne of mei-inoar politike issues oan te wizen en oan te pakken. Net yn Fryslân nee. De Fryske Akademy beneamt engaazjemint nea. De provinsje ek net. Dy iene kear yn 2010 wie in sitaat fan professor Frysk Goffe Jensma, oer dat in oar it mar neame moat: “Verleid kunst en literatuur om het engagement met dit probleem van authenticiteit en vernieuwing te benoemen.”Provinsje Fryslân, ‘Grinzen oer. Yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis’ (Ljouwert 2013) 12. Nederlânsk tekstorizjineel fan de nota is te finen op www.ensafh.nl. Ek makket it útlânske rêd ús lân fan ’e patatgeneraasje­motyf in soad fan de maatskiplike belutsenensstúdzjes minder brûkber. De faktor frijheid mist meastal. Want sjoen is nei it yn stân hâlden fan sosjale en politike ynsti­túsjes en net nei aksje foar maatskip­like rjocht­feardigens,Roderick J. Watts en Constance Flanagan, ‘Pushing the envelope on youth civic engagement: A developmental and liberation psychology perspective’, Journal of Community Psychology 35:6 (2007) 779-792 <http://dx.doi.org/10.1002/jcop.20178>. dus net nei engaazje­mint rjochte op feroaring, alhoewol’t dat de wichtigste komponint is. Want sels as de rjochten fan minsken garandearre binne om’t hja boargers binne, meitsje just dy rjochten dat boargers in stim ha yn it belied en yn it behâld fan har rjocht, seit polityk teoretikus Michael Walzer:

the security provided by the authorities cannot just be enjoyed; it must itself be secured, and sometimes against the authorities themselves. The passive enjoyment of citizenship requires, at least intermittently, the activist politics of citizens.Michael Walzer, ‘Citizenship’, yn: T. Ball, J. Farr, R. L. Hanson (red.), Political innovation and conceptual change (Cambridge 1989) 211-220, 217.

De earste betingst foar maatskiplike belutsenens is generalisearre sosjaal betrouwen. Dat is gjin gjin mistrouwen, gjin ynterpersoanlik, spesifyk betrouwen, mar in betrouwen yn frjemden, oftewol in gefoel fan optimisme en kontrôle.Eric M. Uslaner, ‘Civic engagement in East and West’, yn: Gabriel Badescu en Eric Uslaner (red.), Social capital and the transition to democracy (Londen / New York 2003) 81-94, 83, 86. In histoarje fan hopeleas ûnrjocht of ellinde dêr’t net oan te ûntsnappen is makket dat minsken har hâlde as wie der oan har omstannichheid hielendal neat mear te dwaan. Se wachtsje ôf wat der komt, stiltsjes en ynaktyf. As de need knypt giet elk ekstraatsje foar in oar ôf fan jo diel en it gefolch is sosjaal wantrouwen. In âld-Skriuwersboun­bestjoerder mei in eigen subsydzjeôfhinklike ûndernimming betrouwde syn kollegabestjoerders net mei de subsydzjeoanfraach foar 2016. Dy soe, sei er, de provinsjale pot leechlûke sadat der foar oaren neat oerbleau. Dat hy soarge dat de subsydzjeoanfraach ynlutsen en de ponghâlder fuortsjoerd waard.Abe de Vries, ‘It Skriuwersboun, de doarpsgek fan Fryslân’, 21 jannewaris 2016, ‘Q & A foar de Skriuwersboun­gearkomste’, 25 jannewaris 2016, ‘It Skriuwersboun freget: ‘Is it spylfjild foar de Fryske literatuer earlik?’’, 28 jannewaris 2016, en benammen ‘It Skriuwerswykein 2015, of it falen fan it Skriuwersboun­bestjoer minus de ponghâldster’, 3 febrewaris 2016, Seedyksterfeartfisk <http://seedyksterfeartfisk.blogspot.nl/2016_01_01_archive.html> en >http://seedyksterfeartfisk.blogspot.nl/2016/02/it-skriuwerswykein-2015-of-it-falen-fan.html> [krigen 10 desimber 2016]. Dat is normaal gedrach; as jo net ien fertrouwe kinne, sette jo op jo sosjale fermidden in tige restriktyf doarbelied.

It is net sa dat minsken mei in grutter ynterpersoanlik betrouwen tsjin mear oerheidsyngripen binne en oarsom minsken dy’t in generalisearre wantrouwen yn oaren ha mear regulearring bepleitsje. Want minsken dy’t oare persoanen net fertrouwe hawwe ek earder in misbetrouwen yn oerheidsfigueren en organisaasjes. Bliken docht dat in leech sosjaal betrouwen allinne betrouwen yn de oerheid foarseit as der ek ynstitúsjoneel betrouwen is, it betrouwen dat de oerheidsynstellingen har macht goed brûke.Hans Pitlik en Ludek Kouba, ‘Does social distrust always lead to a stronger support for government intervention?’, Public Choice, 163:3 (2015) 355–377 <http://dx.doi.org/10.1007/s11127-015-0258-7>. Mar, as jo op in Facebookside fan de oerheid sjogge, bygelyks Provinsje Fryslân, “2,804 Likes, Cornelis van der Wal and 8 other friends like this”, is dat betrouwen fan Van der Wal en de 2803 oaren—wy hiene in heger sifer ferwachte, jo?—dan ûnfundearre, subjektyf? It idee is dat in oerheid dy’t him oanspraaklik opstelt nei syn ynstitúsjes ta, betrouwen feroarsaket, mar wy witte it net seit in resint ûndersyk. Want oft oerheden betrouwen jouwe wurdt net objektyf metten: “what is relatively deficient in the literature is appropriate and systematic attention on the quality of government institutions themselves.”Doo-Rae Kim, ‘Mass perceptions of government accountability and trust in government: The case of South Korea’, Paper prepared for the International Institute of Administrative Sciences Study Group Workshop on Trust in Public Administration and Citizen Attitudes, Seoul National University, Seoul, Korea, December 11-12, 2012 <https://iiastrust.files.wordpress.com/2012/07/kimdoo-rae_accountability_trust_iias.pdf> [krigen 10 desimber 2016] 2. Ek freegje ûndersiken net: “Nederlân is sterk út de ekonomyske krisis kommen, ferheget dochs hier- en soarchtaslach en draait de besunigingen yn ’e soarch net werom, want it rint goed 30 miljard euro mis om’t bedriuwen har jild yn België dellizze; ha jo betrouwen yn de oerheid?”, mar: “Binne jo lokkich, hawwe jo in soad kontakten en ha jo betrouwen yn it regear?”Hans Schmeets en Willem Gielen, ‘Geluk en sociaal kapitaal: Nederland in West-Europees perspectief’, CBS Bevolkingstrends, 7 april 2015 <https://www.cbs.nl/-/media/imported/documents/2015/17/2015bt07-geluk-en-sociaal-kapitaal.pdf> [krigen 10 desimber 2016]. En fansels is it subjektyf, der is gjin standertienheid om lok, minsklike bannen en betrouwen te mjitten.

De twadde betingst is sosjaal kapitaal. Sosjaal kapitaal is in struktuer fan relaasjes tusken sosjale aktoaren, ferbûnen en netwurken fan yndividuen en organisaasjes, dy’t bestean út betrouwen fan twa kanten, noarmen, wearden en gedrach en dy’t in fruchtber nut hawwe.Naim Kapucu, ‘Social capital and civic engagement’, International Journal of Social Inquiry 4:1 (2011) 23-43, 25 <http://www.socialinquiry.org/articles/IJSI-V4N12011%20-%20002.pdf> [krigen 10 desimber 2016]. Yn Bowling alone, in pessimistyske analyse fan hoe’t de Amerikanen alle foarmen fan politike belutsenens loslitten hawwe, beskriuwt Robert Putnam sosjaal kapitaal as essinsjeel foar betrouwen, solidariteit, it jin dellizzen by de noarmen, it mei-inoar oplossen fan problemen en dus it lichter meitsjen fan de yndividuele belesting fan it libben, en maatskiplike belutsenens as needsaaklik foar goed bestjoer.Robert D. Putnam, Bowling alone: The collapse and revival of American community (New York 2000) 21.

Mei it sosjaal kapitaal yn Fryslân is neffens ûndersyk neat mis. It CBS lit yn 2010 en 2014 sjen dat Fryslân en Utert (en yn 2014 Seelân) fan de Nederlânske provinsjes it heechste sosjaal kapitaal hawwe. In ferbân tusken besunigingen yn de provinsje en betrouwen yn de oerheid is net fûn, mar Fryslân en Utert besunigen amper yn de ûndersochte perioade foar it ûndersyk fan 2010. Foar beide ûndersiken is it sosjaal kapitaal operasjonalisearre as mjitte fan frijwilligerswurk en oantal kontakten mei de famylje. Earst is dat net neffens de definysje fan sosjaal kapitaal, twad moatte jo der mar tiid foar hawwe; korrizjearre foar dielnimmen oan ’e arbeidsmerk is der net.Peter de Jonge, ‘Krachtprovincies’, Peters Pagina, 11 oktober 2010 <http://www.peterspagina.nl/site/?tag=sociaal-kapitaal> [krigen 10 desimber 2016]; ‘Vragenlijsten sociale samenhang en welzijn 2012’, CBS, g.d. <https://www.cbs.nl/nl-nl/onze-diensten/methoden/onderzoeksomschrijvingen/aanvullende%20onderzoeksbeschrijvingen/vragenlijsten-sociale-samenhang-en-welzijn-2012> [krigen 10 desimber 2016].

In oar ding is dat sosjaal kapitaal net sûnder mear begearlik is. Putnam jout ta dat alle “bridging en bonding” tusken aktoaren ta sletten struktueren liede kin.Robert D. Putnam, Bowling alone: The collapse and revival of American community (New York 2000) 23. It opbouwen en ûnderhâlden fan sterke bannen is in ynvestearring dy’t net altyd koste-effektyf is, wylst mei swakke bannen it wurk earder dien is, machtswinst wurdt ûngedien makke troch ynformaasjewinst om’t wa’t sels in soad kontakten hat minder ôfhinklik is fan syn ynformaasjeboarne, en solidariteit foarmet in risiko as de groepskohesy fan de hiele Grutte Pierfamylje foar ynnovaasje, kapitaalstream en ûndernimmersgeast komt.Paul S. Adler and Seok-Woo Kwon, ‘Social capital: Prospects for a new concept’, The Academy of Management Review 27:1 (2002) 17-40, 30-31. Ek kin in machtich netwurk mei in soad sosjaal kapitaal brûkt wurde om oaren te ferneatigjen. It wie samar dien mei it Lân fan Taalprojekt dêr’t taal “vanzelfsprekend ook een belangrijke drager onder KH2018” is.Deputearre Steaten fan Fryslân, ‘Begroting 2015, 1.8 Programma 8 – Cultuur, taal en onderwijs’, 9 september 2014 <http://www.fryslan.frl/12334/programma-8-cultuur,-taal-en-onderwijs/files/programma%208%20-%20cultuur,%20taal%20en%20onderwijs.pdf> [krigen 10 desimber 2016]. De Fryske Akademy, Afûk, Tresoar, Histoarysk Sintrum Ljouwert, Gemeentehûs Ljouwert en mei koarten it... ynlive Lân fan Taal binne waarm tsjin inoar oan boud en dat is net dien om de rêst fan Ljouwert in bewegerlije sône te gunnen.

Ferfolch

It definitive ein fan de beweging

Of, Wat noch te sizzen oer it Hânfêstfuortgongsrapport

Lang lyn, doe’t op in kear de sinne op syn súdlikste punt oan de himel stie sadat der amper noch deiljocht wie, seach it liedende kommando fan in opstanlik Joadsk leger, fiif bruorren mei de bynamme makebet—dat, om jo in better byld te jaan fan de jonges, hammer of foarhammer betsjut—kâns om de Seleusiden mei har Grykske goaden fuort te jeien, har tempel wer oan de eigen religy te wijen en mei it lytse dripke efterlitten oalje ljocht te meitsjen.

In oare kear, wer stie de sinne op syn úterste punt yn it suden, kaam út de nachthimel in ingel nei in pear hoeders fan in keppel ta, fan watfoar bisten seit it ferhaal net, en fertelde dat der in rêder berne wie, yn ’e stêd dêr’t no alle dagen berterela­tearre slaande rúzje om is, dy fan David.

Noch in oare kear, opnij stie de sinne fier fuort yn it suden, stjoerden se in god op wei, in paad swier en fol gefaren, om it deiljocht op te heljen en as hja it werombrocht hie, dus by ljocht, it lot fan de minsken te weefjen op har weeftsjil.

De ferhalen ferbine it mystearje fan de natuer en syn winter dy’t eartiids hieltyd wer honger en dea brocht, mei hoop en beweging. It bûddisme, dat fierder gjin ferskil makket tusken de sinne yn it noarden of suden, is dêr it meast helder yn. “Ynsjoch yn feroaring leart ús hoop. Om’t feroaring ynboud is yn de natuer fan de dingen is neat ynherint fêst,” seit de Bûdda.

Yndie konkludearren de âlde Griken al dat yn de natuer ymmobiliteit net bestiet. Alles yn it hielal beweecht, as gefolch fan de Big Bang. Matearje hat yn teory by 273,15 graad ûnder nul gjin kinetyske enezjy mear, it leit stil. Mar om’t der altyd in waarmtestream fan hite nei kâlde plakken is berikt men dy temperatuer net, is altyd sein, dêrom beweecht alles altyd.

Mar stel, jo slagje der yn om atomen ophâlde te litten mei bewegen. De rêst fan it hielal beweecht dan noch, dat jo atomen stean allinne relatyf stil. As jo no net jo eigen stilsette atomen as perspektyf kieze mar it hielal, dan stiet it hielal stil en jo stiifstil­sette atomen fleane der as in gek omhinne. Ferlykje it mei ús geo­sintrisme dêr’t de sinne oan ’t eachein op en ûnder giet en alle seis moannen omkeart yn syn baan, en stjerren en planeten om it ierdsk fêst middel­punt hinne draaie.

Mar dy trúk hoecht net. Want de duer fan in beweging fan hjir nei dêr neame wy tiid. As jo atomen stilstean kinne jo gjin duer mear mjitte: de tiid hâldt op te bestean. Dat, bêste lêzer, is it definitive ein fan de beweging.

Wat der ek bart, Fers2 is by jo werom op 15 jannewaris 2017!

De tredde betingst is ien dy’t wy net mear sa faak hearre yn de kontekst fan de sintrumpolityk fan ‘meidwaan’ en ‘mienskip’ as de kearn fan it besykjen in nije politike aginda te meitsjen: in machts­frij diskoers. Sûnder frijheid fan mieningsutering, bygelyks yn Noard-Korea, bestiet maatskiplik engaazjemint net. Engaazje­mint is aksje, of sa’t Walzer seit (belutsen wêzen yn) beslútfoarming. Dat kin allinne yn in machtsfrij iepenbier petear dêr’t boargers yn byinoar komme en yn oanrekking mei har frijheid har fisys op de takomst nei foaren bringe.Sjoch Bernard Greaves en Gordon Lishman, The theory and practice of community politics (Hebden Bridge, UK g.j.) <http://www.cix.co.uk/~rosenstiel/aldc/commpol.htm> [krigen 10 desimber 2016]; Peter Block, Civic engagement and the restoration of community (Cincinnati, OH 2007) <www.asmallgroup.net/pages/images/pages/CES_jan2007.pdf> [krigen 10 desimber 2016].

Foar in part moatte politike en maatskiplike lieders dat petear, en dêrtroch maatskiplike belutsenens, mooglik meitsje. Dêrfoar is in oar liederskipstinken nedich as it Ensafhkonsept: in lieder moat ûnderfiningen en romte skeppe en dan gau nei hûs. Maatskiplike belutsenens wol sjen as aksje, mar yn de sin fan hjir wat jild by en dêr in ekstra programmaatjse yn in ‘partisipaasjemaatskippij’ dêr’t de ‘ferantwurdlike’ boarger himsels mar rêde moat, is krekt wat maatskiplike belutsenens yn it paad stiet. It makket dat de boarger de aksje, it fieren fan kampanjes foar in goed doel, net mear as mei in poëtysk wurd beliidt—O Mienskip o Skries / as ik Jo ea ferlies—en nea in konfrontearjend of kontroversjeel goed doel selektearret mar eat dêr’t de oerheid him al foar seit yn te setten. Sa’n doel is dan it—frijbliuwend—bestriden fan it rôfdier dat de greidefûgels opfrette soe, mar net fan de iennichste natuerlike fijân dy’t de fûgelstsjes hawwe en dy’t it ekologysk lykwicht just by de rôvers dellein hat troch laissez-fairisme plus regelingen dy’t de kwetsberens fan de proai ferheegje: ús oerheid.Agrarysk natuerbehear, dat de omstannichheden foar fauna en flora ferbetterje moat (troch ûnder mear soartebehear, rânebehear, perseel­behear en ûnderhâld en oanlis fan lânskips­eleminten), wurdt foar it meastepart betelle út it Plattelâns­ûntwikkelings­programma (POP) fan it Mienskiplik lânboubelied fan de Europeeske Uny. Yn 2013 is it foech oer it agrarysk natuer­behear fan it ryk oergien nei de provinsjes. Subsydzjes oan boeren dy’t oan foarmen fan agrarysk behear dogge, troch bygelyks net te meanen, wurde jûn troch de provinsje en de regelingen ferskille tusken provinsjes. Fryslân beskermet benammen de skries en jout subsydzje foar ferwieting fan greidefûgel­lânskip mar dat lêste is in tydlike regeling. Oan no ta is de effekti­viteit fan it agrarysk natuer­behear in grutte striid­kwestje: sjogge jo gjin foarútgong dan koe it yn teory altyd noch slimmer. De ryks­oerheid hat yn 2013 yngrepen troch mei yngong fan 2014 de oanfraach fan subsydzjes inkeld noch kollektyf mooglik te meitsjen. It nije Plattelâns­ûntwikkelings­programma fan de provinsje Fryslân hat it doel om ‘de posysje fan argraryske sektor yn Noard-Nederlân, dy’t in de wichtige ekonomyske faktor is, te behâlden en fuort te sterkjen’, en rjochtet him sterk op lânbou­ynnovaasje en -moderni­searring; beskerming fan ’e skries is gjin spearpunt (sjoch www.fryslan.frl/POP3).

Ut eangst foar it frije wurd kin de keunstner him leaver hielendal werom lûke. Dat kin net troch skriuwen te sjen as selsekspresje, de Kingmamodus, want selsekspresje is gjin keunst, selsekspresje is, it is al faak sein, dekadinsje. Skriuwen sjen as ymponearjen, de Looijengamodus, wol ek net want yndruk meitsjen op de lêzer is likemin keunst, it is fjoerspijerij, hoewol fansels in comfy net-libbensgefaarlike fariant. It kin as one issue engagement, lykas ‘skriuwers moatte jild krije’, de De Jongmodus, mar dat sil útlein wurde as egoïsme. It kin mei obligaat, kreas timed, foar ien kear balten fan meilibjen of skriemen fan skande nei’t it ûnderwerp haadlinen hat yn it nijs, de morele stânpunten al ferdield binne en oaren har ek foar de saak útsprutsen ha, de Belvédèremodus, mar dat sil ûntmaskere wurde as opportunisme. It kin troch, lykas oangeande de kampanje foar Frysk ûnderwiis dy’t dochs objektyf sjoen yn it direkte belang is fan skriuwers yn ’e Fryske taal, te pretindearjen dat ‘neutraliteit’ better ynsjoch yn de matearje jout, de Mercatormodus, of dêroan besibbe, dat de manier sa’t de polityk systematysk en doelberet ‘ús’ begryp fan it probleem foarmjûn hat de iennichst mooglike is, de Bûterhoeke-elitemodus, mar dat ferriedt himsels no al as labbekakkerij.

Dat keunsters dochs kieze foar dy modi operandi komt, earst, om’t minsken minsken binne en selsidentifikaasje in grut part útmakket fan it aktivisme. Wa binne jo? - No, ik bin foar duorsumens! - Binne jo ree om te stjerren foar in grienere wrâld? - Ja! - Binne jo ree om der in pak foar oan te lûken en in strik om te dwaan? - (stilte).Nick Cooney, ‘Looking inward: Activism and self-identity’, Farmsanctuary, g.d. <https://ccc.farmsanctuary.org/be-a-better-advocate/read-essays-and-books/lookinginward/> [krigen 10 desimber 2016]. Twad wolle minsken net allinne earne by hearre, se dogge ek graach wat foar in oar want dat befêstiget de relaasje, mar it moat net te gek wurde; dat ferklearret wêrom’t kampanjes dy’t rinne troch op ‘share’ en ‘like’ te klikken healwize goed gean.Dustin Harp, Ingrid Bachmann en Lei Guo, ‘The whole online world is watching: Profiling social networking sites and activists in China, Latin America, and the United States’, International Journal of Communication 6 (2012) 298-321, 301.

De tredde en wichtichste reden dat keunstners har yn har ivoaren toer en efter oaren ferskânzje is retoryk. Retoryk fan statusfigueren is effektyf just troch ús sykjen nei kollektive identiteit en persoanlike befêstiging, makket net út oft se de wierheid presintearje dat keunstners it hert fan de ‘mienskip’ binne of dat keunst per definysje ‘apolityk’ is. Retoryk wurket inkeld mar etysk—dus oars as Wilders syn “minder”-retoryk—as de taharker aktyf en frij meidwaan kin oan de dialooch. De retor moat dêrom fertelle dat er krityk en oanpassen fan syn stânpunten ferwachtet. En de taharkers moatte nea meigean yn in autoritêr diktearjen en likemin it kommunitaristysk leauwe samar akseptearje.Gregory Clark, ‘Communitarian and authoritarian functions of rhetoric’, Deseret Language and Linguistic Society Symposium 12:1 (Artikel 15) (1986) 130-136, 135 <http://scholarsarchive.byu.edu/dlls/vol12/iss1/15> [krigen 10 desimber 2016]. Oars winne de moaipraters en de hurdrazers. Dat binne selden de keunstners.

Noaten

  1. Provinsje Fryslân, ‘Grinzen oer. Yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis’ (Ljouwert 2013) 12. Nederlânsk tekstorizjineel fan de nota is te finen op www.ensafh.nl.
  2. Roderick J. Watts en Constance Flanagan, ‘Pushing the envelope on youth civic engagement: A developmental and liberation psychology perspective’, Journal of Community Psychology 35:6 (2007) 779-792 <http://dx.doi.org/10.1002/jcop.20178>.
  3. Michael Walzer, ‘Citizenship’, yn: T. Ball, J. Farr, R. L. Hanson (red.), Political innovation and conceptual change (Cambridge 1989) 211-220, 217.
  4. Eric M. Uslaner, ‘Civic engagement in East and West’, yn: Gabriel Badescu en Eric Uslaner (red.), Social capital and the transition to democracy (Londen / New York 2003) 81-94, 83, 86.
  5. Abe de Vries, ‘It Skriuwersboun, de doarpsgek fan Fryslân’, 21 jannewaris 2016, ‘Q & A foar de Skriuwersboun­gearkomste’, 25 jannewaris 2016, ‘It Skriuwersboun freget: ‘Is it spylfjild foar de Fryske literatuer earlik?’’, 28 jannewaris 2016, en benammen ‘It Skriuwerswykein 2015, of it falen fan it Skriuwersboun­bestjoer minus de ponghâldster’, 3 febrewaris 2016, Seedyksterfeartfisk <http://seedyksterfeartfisk.blogspot.nl/2016_01_01_archive.html> en >http://seedyksterfeartfisk.blogspot.nl/2016/02/it-skriuwerswykein-2015-of-it-falen-fan.html> [krigen 10 desimber 2016].
  6. Hans Pitlik en Ludek Kouba, ‘Does social distrust always lead to a stronger support for government intervention?’, Public Choice, 163:3 (2015) 355–377 <http://dx.doi.org/10.1007/s11127-015-0258-7>.
  7. Doo-Rae Kim, ‘Mass perceptions of government accountability and trust in government: The case of South Korea’, Paper prepared for the International Institute of Administrative Sciences Study Group Workshop on Trust in Public Administration and Citizen Attitudes, Seoul National University, Seoul, Korea, December 11-12, 2012 <https://iiastrust.files.wordpress.com/2012/07/kimdoo-rae_accountability_trust_iias.pdf> [krigen 10 desimber 2016] 2.
  8. Hans Schmeets en Willem Gielen, ‘Geluk en sociaal kapitaal: Nederland in West-Europees perspectief’, CBS Bevolkingstrends, 7 april 2015 <https://www.cbs.nl/-/media/imported/documents/2015/17/2015bt07-geluk-en-sociaal-kapitaal.pdf> [krigen 10 desimber 2016].
  9. Naim Kapucu, ‘Social capital and civic engagement’, International Journal of Social Inquiry 4:1 (2011) 23-43, 25 <http://www.socialinquiry.org/articles/IJSI-V4N12011%20-%20002.pdf> [krigen 10 desimber 2016].
  10. Robert D. Putnam, Bowling alone: The collapse and revival of American community (New York 2000) 21.
  11. Peter de Jonge, ‘Krachtprovincies’, Peters Pagina, 11 oktober 2010 <http://www.peterspagina.nl/site/?tag=sociaal-kapitaal> [krigen 10 desimber 2016]; ‘Vragenlijsten sociale samenhang en welzijn 2012’, CBS, g.d. <https://www.cbs.nl/nl-nl/onze-diensten/methoden/onderzoeksomschrijvingen/aanvullende%20onderzoeksbeschrijvingen/vragenlijsten-sociale-samenhang-en-welzijn-2012> [krigen 10 desimber 2016].
  12. Robert D. Putnam, Bowling alone: The collapse and revival of American community (New York 2000) 23.
  13. Paul S. Adler and Seok-Woo Kwon, ‘Social capital: Prospects for a new concept’, The Academy of Management Review 27:1 (2002) 17-40, 30-31.
  14. Deputearre Steaten fan Fryslân, ‘Begroting 2015, 1.8 Programma 8 – Cultuur, taal en onderwijs’, 9 september 2014 <http://www.fryslan.frl/12334/programma-8-cultuur,-taal-en-onderwijs/files/programma%208%20-%20cultuur,%20taal%20en%20onderwijs.pdf> [krigen 10 desimber 2016].
  15. Sjoch Bernard Greaves en Gordon Lishman, The theory and practice of community politics (Hebden Bridge, UK g.j.) <http://www.cix.co.uk/~rosenstiel/aldc/commpol.htm> [krigen 10 desimber 2016]; Peter Block, Civic engagement and the restoration of community (Cincinnati, OH 2007) <www.asmallgroup.net/pages/images/pages/CES_jan2007.pdf> [krigen 10 desimber 2016].
  16. Agrarysk natuerbehear, dat de omstannichheden foar fauna en flora ferbetterje moat (troch ûnder mear soartebehear, rânebehear, perseelbehear en ûnderhâld en oanlis fan lânskips­eleminten), wurdt foar it meastepart betelle út it Plattelâns­ûntwikkelings­programma (POP) fan it Mienskiplik lânboubelied fan de Europeeske Uny. Yn 2013 is it foech oer it agrarysk natuerbehear fan it ryk oergien nei de provinsjes. Subsydzjes oan boeren dy’t oan foarmen fan agrarysk behear dogge, troch bygelyks net te meanen, wurde jûn troch de provinsje en de regelingen ferskille tusken provinsjes. Fryslân beskermet benammen de skries en jout subsydzje foar ferwieting fan greidefûgellânskip mar dat lêste is in tydlike regeling. Oan no ta is de effektiviteit fan it agrarysk natuerbehear in grutte striidkwestje: sjogge jo gjin foarútgong dan koe it yn teory altyd noch slimmer. De ryksoerheid hat yn 2013 yngrepen troch mei yngong fan 2014 de oanfraach fan subsydzjes inkeld noch kollektyf mooglik te meitsjen. It nije Plattelâns­ûntwikkelings­programma fan de provinsje Fryslân hat it doel om ‘de posysje fan argraryske sektor yn Noard-Nederlân, dy’t in de wichtige ekonomyske faktor is, te behâlden en fuort te sterkjen’, en rjochtet him sterk op lânbou­ynnovaasje en -modernisearring; beskerming fan ’e skries is gjin spearpunt (sjoch www.fryslan.frl/POP3).
  17. Nick Cooney, ‘Looking inward: Activism and self-identity’, Farmsanctuary, g.d. <https://ccc.farmsanctuary.org/be-a-better-advocate/read-essays-and-books/lookinginward/> [krigen 10 desimber 2016].
  18. Dustin Harp, Ingrid Bachmann en Lei Guo, ‘The whole online world is watching: Profiling social networking sites and activists in China, Latin America, and the United States’, International Journal of Communication 6 (2012) 298-321, 301.
  19. Gregory Clark, ‘Communitarian and authoritarian functions of rhetoric’, Deseret Language and Linguistic Society Symposium 12:1 (Artikel 15) (1986) 130-136, 135 <http://scholarsarchive.byu.edu/dlls/vol12/iss1/15> [krigen 10 desimber 2016].

Foaropwurd 2.19

Fers2 2.19, 4 desimber 2016

It KH-Oerlibbingspakket foar Keunst VII: Desoksyribonukleïnesoer

image Fers2

Minsken of ynstellingen dy’t Frysktalige publikaasjes yn it ljocht jouwe, hawwe lykwols gjin meldingsplicht by Tresoar,” sa rjochtfeardiget Swalk syn ynkomplete boekelist.‘Nieuwste boeken’, Swalk, 2015 <http://www.swalk.nl/index.php/nl/nieuwste-boeken> [krigen 20 novimber 2016]. Benammen it wurd ‘lykwols’ is smaaklik pleatst, ek foar wa’t in minder grut swak (as de helte fan de Fers2-redaksje) hat foar de âldere protagonist dy’t syn macht ferlern gean sjocht en syn ego allinne noch rêde kin mei in poarsje passive agressje. It Swalk-publikaasjeoersjoch is inkeld te finen mei Nederlânske syktermen, foar de publikaasjes fan 2016 is der in fopknop lykas op it fytsersstopljocht, dus inkeld dekoratyf, en Swalk is gjin organisaasje mar in projekt: it hat gjin ferplichtingen. Tresoar, it Fryske histoaryske en letterkundige sintrum, is de eigner fan it Swalkprojekt. Tresoar hat in ferplichting. Mar foar de oerheid oer, in bytsje foar de boarger oer—net foar de skriuwer oer:

In het bestuur van Tresoar is discussie ontstaan over de rol van Tresoar binnen het Friese literaire veld. Om hier meer inzicht in te verkrijgen is er door het bestuur besloten een verkenningsgroep in te stellen die onderzoek zal verrichten naar de rol van Tresoar binnen het Friese literaire veld. In de AB vergadering van 24 maart is medegedeeld dat de verkenningsgroep is samengesteld en zal starten met hun onderzoek. Dit onderzoek zit nog in de beginfase, op dit moment kan daarover dus niets gezegd worden in een activiteiten­plan. Om die reden heeft het bestuur van Tresoar gevraagd om het activiteitenplan 2017 later aan te leveren aan Gedeputeerde en Provinciale Staten.Deputearre Steaten fan Fryslân: J.A. Jorritsma en A.J. van de Berg, ‘Bijlage Brief 6 Aktiviteiteplan en begrutting Tresoar 2017 (Skaaimerk 01297103)’, Provinsje Fryslân, 5 april 2016, pdf-bestân, 1.

No goed. Mar dan docht bliken, it brief hat in efterkant:

Een activiteitenplan dat één van de kerntaken mist waarmee Tresoar belast is, is een onvolledig plan. Om die reden is de behandeling van dit onderwerp op de vergadering van oktober 2016 niet haalbaar.Deputearre Steaten fan Fryslân: J.A. Jorritsma en A.J. van de Berg, ‘Bijlage Brief 6 Aktiviteiteplan en begrutting Tresoar 2017 (Skaaimerk 01297103)’, Provinsje Fryslân, 5 april 2016, pdf-bestân, 2.

Wisten wy dat? Hat it Skriuwersboun—Google leveret my altyd like bliermoedich de syksuggestje skrewers bon—alarm slein? Us Josse de Haan mailde dat it Skriuwersboun in gearkomste belein hie oer it Kulturele Haadstêdprojekt Lân fan Taal. Se woene it deroer hawwe oft it net Lân fan Talen hjitte moast. Wêr giet it noch oer, wie De Haan syn fersuchting. Oan de oare kant, what’s in a name: TALEN, de DNA-snijer, brûkt om genetysk modifisearre planten te meitsjen, hat wittenskippers út withoefolle biologyske dissiplines stikken tichterby har desoksyribonukleïnesoer(DNA)-doelstellingen brocht. Al jierren lang docht DNA it hiel goed yn de populêre kultuer; DNA is sawat de iennichste niget dy’t it grutte publyk hat oan de fierder stomferfelende wittenskip. Spannende popkulturele oannames, lykas dat beskate genen beskate eigen­skippen opsmite boppe de sichtbere trekken út, of dat forensyske DNA-profilearring in objektive útslach jout, skuldich of net skuldich,Fusion, FRONTLINE en The Marshall Project, ‘Can DNA testing be trusted? The shockingly imprecise science of a proven courtroom tool’, Fusion, 24 juny 2015 <http://fusion.net/story/153996/can-dna-testing-be-trusted-the-shockingly-imprecise-science-of-a-proven-courtroom-tool/> [krigen 3 desimber 2016]. of dat in DNA-test mei wissens besibbens tusken twa minsken sjen litte kin, lit Fryslân mei leafde gewurde yn ús bôle en sirkuskultuer. Mar it ferhaal fan De Haan hie in fuotnoat: it wie net sa.

Dus wisten wy it net, dat Tresoar him soargen makke oer syn ‘rol’ yn it Fryske literêre fjild? Jawol, Fers2 wist it. Op in ein oktobermiddei op ’e dyk foar de krekt sletten want fallite Brasserie rûn de redaksje de Tresoardirekteur Bert Looper tsjin it liif. Dy frege oft Fers2 ris delkomme koe om mei him te praten oer de takomst. Wy ha doe ja sein, tocht fan wy litte him noch mar wat swimme, en wilens stiet it petear wer op ’e Fers2-aginda foar it kristlik nijjier. Fers2 hat fan de oprjochting twa jier lyn ôf syn prangjende soarch útsprutsen oer de somtiden beskoalmasterjende mar meastal gewoan desynteresseare ôfstân fan Tresoar ta de skriuwers, de keunst en it ferlet fan minsken om mear te dielen as har DNA. Wis, TALEN makket it mooglik om wa’t syn DNA net dielde mei Grutte Pier yn in echte Fries te modifisearjen, yn teory dan, dus meitsje der in Lân fan TALEN fan en kassa! Mar dan?

De klacht dat de tsjintwurdige keunst djipgong mist en inkeld noch fermeits is, klinkt al wer sa lang dat it in klisjee wurden is. Mar it giet net ús net om de ‘wearde’ fan keunst, dy’t lykas de wearde fan ús auto oan ús hannen kleevjen bliuwt, sadat wy wol sjoen wurde wolle yn it Grinzer museum by Rodin mar net yn it Fries Museum—Julian Barnes fertelt yn ien fan syn histoaryske romans dat út it skiednisboek oer resinte Britske keunst fan de bibleteek fan de swierbewekke Portland Prison it bestjoer de yllustraasjes fan Sir Lawrence Alma-Tadema fuortsnijd hie, om it masturbearjen tsjin te gean—en wy wolle keunst ek hielendal net definiearje as eat mei wearde op grûn fan beskate kwaliteiten, want wa stopt dy kwaliteiten der dan yn?

Dat ‘wa’ is it punt (seit Fers2 al jierren lang): keunstkritisy en kultuermanagers binne, om útinoar rinnende redenen, al in heale ieu dwaande om it ferskil tusken keunst en ferdivedaasje teneate te dwaan. Mar de ferhâlding fan de keunstner ta syn publyk bliuwt delikaat en dûbelsinnich. Dat publyk moat de keunstner syn keunstwurk oantreklik genôch fine om it ûnderfine te wollen—want is keunst net earder in ûnderfining, dus in proses, as in ynherinte kwaliteit—en it moat tagelyk ûnfoarsisber, ûnôfhinklik, ynhâldlik swier, koartsein artistyk genôch wêze om it omtinken beet te hâlden. Sa simpel as de Fryske entertainmentsyndustry en de Kulturele Haadstêdorganisaasje en Tresoar en it Skriuwersboun it foarstelle is it dêrom net.

De kleau tusken keunst en ferdivedaasje (seit Fers2 al hiel lang) is net folle oars as de kleau tusken keunstner en syn publyk. It publyk is konsumint fan boeken en teaterplakken lykas dat de learling konsumint is fan learmiddels. Likemin as dat in learkrêft noch in rol spilet, of dat der in ferskil is tusken in kwaliteits­learkrêft en in net sa’n goeienien,

Ferfolch

De nije Fryske lesmetoade

In knikje minder net yn te wurkjen

Yn ’e simmerfakânsje kaam de evaluaasje fan de Amerikaanske Common Core lesmetoade. De Common Core Standard, dus wat de learlingen witte en kinne moatte as se de basisskoalle ferlitte, wie yngien yn 2010 en by de standard kamen lesmetoaden foar rekkenjen en taal. Dy metoade is folslein digitaal oftewol personalized. Dat is yn Nederlân ek sa. “As de tablet it net docht of der is wat mei it ynternet, leit it ûnderwiis stil,” fertelde de helpdesk fan de Media Markt, dy’t fierder wol wiis is mei de fraach nei tabletreparaasjes.

Mar út it ûndersyk docht bliken dat Common Core djoer en yneffektyf is. In probleem foar de learkrêften is dat hja, efter har dashboard, ôfsnijd binne fan de learling syn tinken. Se kinne syn scores folgje yn in quizz-eftige situaasje, mar se kinne net antisipearje en stjoere, se kinne him net beleanje en bemoedigje—de kearn fan effektyf ûnderwiis is just de bân tusken learkrêft en learling—se kinne har learling net hifkje op syn kognitive, akademyske ûntjouwing en de bedoeling is dan ek dat se har rjochtsje op feardichheden, 21-st century skills, net op it tinken. Mar it bern leart dus neat. Bill Gates joech ta dat dat ek net kin: bern leare net fan in apparaat sûnder juf en master.

In moanne letter waard de digitale lesmetoade Spoar 8 lansearre. De âlde metoade wie net om mei te wurkjen en bleau yn de kast lizzen. Mar neffens de webside is Spoar 8 der net kommen om dy te ferbetterjen. “V. Wat zijn de voordelen van deze methode in vergelijking met Studio F? A. Het grootste voordeel voor de onderbouwgroepen is dat de Spoar 8-methode met 54 thema’s werkt, aansluitend bij Nederlandstalige methoden en bij de manier van werken in de onderbouw. Nog nooit eerder was er zoveel Fries digitaal lesmateriaal op zo’n eenvoudige manier beschikbaar.” Lês hjir it ferhaal fan twa learkrêften.

spilet de keunstner in rol yn it berikken fan it einresultaat—fan konsumearjen—want wy ha didaktyske en marketingtechnyk. It is dus ek maklik yn te sjen wêrom’t de ynstellingen neat dogge (seit Fers2 oan ferfelens ta), ek al ha se no wol yn ’e gaten dat der wat mis is. In technokrasy en in burokrasy hoege net om te gean mei ferskillen. It publyk is yn prinsipe in egale massa en keunstners en keunst allyksa. Fryslân hat omtrint gjin literêre kritikus mear dy’t in goed boek fan in min boek ûnderskiede kin; dy lju binne oerstallich rekke en fuortgien. Wêr is bygelyks Tryntsje van der Steege, dy’t de bêste redakteur wie dy’t literêr tydskrift Ensafh oant syn lêste letter hawwe sil, ien dy’t wol de fraach doarde te stellen nei de ferhâlding fan keunstner en publyk?

In lêste wurdsje oer DNA dan: it Fryske gen is fûn! Mar allinne by Fryske manlju.Michael E. Weale, Deborah A. Weiss, Rolf F. Jager, Neil Bradman en Mark G. Thomas, ‘Y chromosome evidence for Anglo-Saxon mass migration’, Molecular Biology and Evolution, 25 jannewaris 2002 <http://mbe.oxfordjournals.org/content/19/7/1008.full> [krigen 3 desimber 2016]. Dat is nuver ja. Fers2 seit leaver neat.

Noaten

  1. ‘Nieuwste boeken’, Swalk, 2015 <http://www.swalk.nl/index.php/nl/nieuwste-boeken> [krigen 20 novimber 2016].
  2. Deputearre Steaten fan Fryslân: J.A. Jorritsma en A.J. van de Berg, ‘Bijlage Brief 6 Aktiviteiteplan en begrutting Tresoar 2017 (Skaaimerk 01297103)’, Provinsje Fryslân, 5 april 2016, pdf-bestân, 1.
  3. Deputearre Steaten fan Fryslân: J.A. Jorritsma en A.J. van de Berg, ‘Bijlage Brief 6 Aktiviteiteplan en begrutting Tresoar 2017 (Skaaimerk 01297103)’, Provinsje Fryslân, 5 april 2016, pdf-bestân, 2.
  4. Fusion, FRONTLINE en The Marshall Project, ‘Can DNA testing be trusted? The shockingly imprecise science of a proven courtroom tool’, Fusion, 24 juny 2015 <http://fusion.net/story/153996/can-dna-testing-be-trusted-the-shockingly-imprecise-science-of-a-proven-courtroom-tool/> [krigen 3 desimber 2016].
  5. Michael E. Weale, Deborah A. Weiss, Rolf F. Jager, Neil Bradman en Mark G. Thomas, ‘Y chromosome evidence for Anglo-Saxon mass migration’, Molecular Biology and Evolution, 25 jannewaris 2002 <http://mbe.oxfordjournals.org/content/19/7/1008.full> [krigen 3 desimber 2016].

Foaropwurd 2.18

Fers2 2.18, 20 novimber 2016

It KH-Oerlibbingspakket foar Keunst VI: Ofsundering

image Fers2

Ynienen ûntstie der dialooch. Oer keunst. Dalik prottele de helte fan de Fers2-redaksje dat dy dialooch him beheind hie ta de private sfear. De oare helte grânzge werom dat der in ferskil is tusken it private diskoers en doelberet off the record. De earste helte gnoarre dat dat net útmakket om’t yn beide gefallen it publyk net partisipearje kin. Mar wêrom moat it publyk partisi­pearje yn dialooch, yn it algemien dus yn prinsipe alle dialooch, oer artistike aspekten? Wêrom moat dat yn ’e iepen­bierens? Sei net Virginia Woolf al yn 1928 dat wy as dichter krekt meidwaan kinne “oan it algemiene libben dat it echte libben is en net … it lytse aparte libben dat wy libje as yndividuen,” as “wy elk … in keamer fan ússels [ha]; as wy de wisânsje fan frijheid hawwe en de moed om op te skriuwen eksakt wat wy tinke; as wy in bytsje ûntsnappe oan ús mienskiplike húskeamers en de minsken net altyd sjogge yn ferhâlding ta inoar, mar yn ferhâlding te de werklikheid.”Virginia Woolf, A room of one’s own [1929; lêzing útsprutsen 24 oktober 1928] (Orlando ensf. 2012) 106.

Ferfolch

SIS TSIIS

Foar Frysk underwiis

image sis tsiis

Ferline jier, yn us konversaasje mei de amtners en de troch de provinsje ynkochte ûndersikers—freelance amtners dus—oer it ûndersyk nei de Tastân fan it/de Fryske boek/literatuer die dit bliken. It wie ûnmooglik om ús petear­partners op it spoar fan ’e gearhing fan Frysk alfabetisme en Fryske boeken te bringen. En dat alhoewol’t de Ingelske—ús twadde lânstaal—termen literacy en literature sa opinoar lykje dat jo hast tinke oan moedwil. (Hint: literacy is it fermogen om literature, it corpus fan al it skreaune wurk, te lêzen.) Hoe’t it ôfrûn is mei it ûndersyk is ús net bekend, ha wy ek net efteroan west want amtlik ûndersyk fertelt meastal neat nijs. Boppedat feroaret in ûndersyk neat oan de situaasje; de saak ûndersykje is meastal in polityk ferlechje om neat te dwaan.

Mar no is der in klup dy’t wa’t dwaan wol oan Fryske alfabetisearring! Se dogge dat net om de Fryske boekferkeap te stimulearjen. (Hint: om in boek te keapjen hoege jo net lêze te kinnen.) Se dogge dat om’t minsken it minskerjocht hawwe om ûnderwiis te krijen yn de taal dêr’t hja yn opgroeie. Dat minskerjocht is der om minsken dy’t tafallich yn in minderheids­taal berne wurde in lykweardige identiteit te garandearjen. Mar mear of bettere literatuer kin in byeffekt wêze (hint: literacy is ek it fermogen om literature te skriuwen: sûnder literacy gjin literature)—wy warskôgje jo mar.

Woolf hie it spesjaal oer froulju? Hat de yndi­vidu­alistyske dream net in radikale feminisearring fan ús sosjale identiteit brocht: út kwetsberens en machtleazens in ôfwizing fan asser­tiviteit en in út de wei gean fan ûnwissens?Frank Furedi, ‘Individualism: A scapegoat for society’s ills’, Spiked, 19 juny 2015 <http://www.spiked-online.com/review_of_books/article/individualism-a-scapegoat-for-societys-ills/17082> [krigen 18 novimber 2016]. Driuwe ús firtuele kontakten ús net útinoar troch de nivellearring fan autentisiteit, sadat ús ferwachtingen fan inoar ûndifferin­sjearre en ûnwerklik binne? Is keunst wol mooglik as keunstners in kamera op har rjochtsje en harsels twa oeren deis op it ynternet advertearjeDe trochsneed tiid dy’t globale ynternetbrûkers yn 2016 besteegje oan sosjale media is 118 minuten deis. Sjoch www.statista.com. om’t ús celebrity cult der faak genôch ta laat hat, sa docht empirysk bliken, dat in produkt in brand mei keunststatus waard as gefolch fan de keunstner syn bekendheid as stjer?Joan Gibbons, Art and advertising (Londen 2005) 135. Hja neamt as foarbylden Andy Warhol en Jeff Koons. Tajûn, de sosjale media hearre net ta de publike sfear om’t se net oan de betingst fan iepen tagong en frije útwikseling fan politike ideeën foldoggeDe politike kar foar frije handel en frij gebrûk fan rekreaasjedrugs en pornografy en foar frije kar fan seksuele aard en erotyk wurde banned fan Facebook. Facebook makket dêrneist op ferskate manieren it blokkearjen fan tagong troch de Facebook-brûker mooglik. Yn de praktyk sjocht men hast sûnder útsûndering de gratuite morele mandewurden en it preekjen foar eigen parochy dat elkenien wol kent fan famyljebesites. Selssensuer is ek op Twitter in bekend ferskynsel.—mar binne yn reële netwurken de sosjale en artistike ferwachtingen net like banaal en idealisearre? Om’t de realiteit al lang lyn begûn om it billboardmodel te imitearjen dat no de wrâld bepaalt?Jean Baudrillard, Simulacra and simulation [1981] (Ann Arbor 1994) 1. Wêr moat de keunstner de grins lûke tusken privee en publyk?

De dialooch gie sa:

“Alles yn prinsipe foar de digitale kladdekoer en foar in jûn wille. Snits is net mear it doel.”

“Uteinlik wol in gedicht gewoan ‘nei de minsken ta’ en lêzen wurde.”

Voilà! Sa lûke de dichters de grins tusken it private en publike: hja skriuwe it gedicht in minsklike yntinsje ta. Sa yrrasjoneel as it antropo­morfisearjen fan deade dingen, lykas it keunstwurk, ek fûn wurdt, alle keunstners dogge it. En net foar neat.

Iere ûndersiken nei antropo­morfisme giene oer it plak fan de minske yn it universum. Aristoteles hold út dat jo primitive minsklike etyske en yntellektuele fermogens yn de hiele besiele wrâld fine koene. “Yn it meastepart fan ’e bisten binne spoaren fan kwaliteiten of hâldingen … yn in oantal bisten sjogge wy sêftens en woastens, myldheid of in lilk temperamint, moed of skrutenens, eangst of betrouwen, heechheid fan geast of lege snoadens, en wat yntelliginsje oanbelanget, eat dat lykweardich is oan wiisheid.”Aristoteles, History of animals, 588a18-24, Part 1 <http://classics.mit.edu/Aristotle/history_anim.8.viii.html> [krigen 18 novimber 2016]. Flak dernei komt de ferneamde útspraak oer de stadige differin­sjaasje fan dat wat yn de natuer bestiet, fan ûnbesiele nei besiele: “De natuer giet fierder fan it libbenleaze nei de bisten by sokke lytse bytsjes dat wy troch de kontinuïteit de krekte skiedings­line net bepale kinne en ek net oan hokker kant in tuskenfoarm derfan lizze soe.”Aristoteles, History of animals, 588b4-b6, Part 1 <http://classics.mit.edu/Aristotle/history_anim.8.viii.html> [krigen 18 novimber 2016]. Yn it tinken fan 350 foar de jiertelling wie it deagewoan net mooglik om it keunstwurk sekuer oan de kant fan it libbenleaze of it libbene te pleatsen.

De kartesiaanske filosofy skiede strang it objektive gebiet fan de natuer, dêr’t gjin subjektiviteit en agency is, fan it subjektive minsklike gebiet. It fersmiet it takennen fan doelfêst hanneljen oan net-minsklike wêzens. Antropo­morfisme waard fan in wittenskiplike ferklearring in dwaling. As immen beskuldige waard fan antropo­morfisearjen betsjutte dat tenei ‘primityf’ of ‘nayf’. Mar sa hurd as de moderne krityk op de aristoletyske fisy ek wie, de santjinde ieu krong net dalik it antropo­morfisme yn de artistike ferbylding yn de Disneyhoeke. Krekt yn de lêste twahûndert jier binne de pratende bisten stadich ferdwûn, seit John Berger: “Hjoed libje wy sûnder harren. En yn dizze nije ôfsûndering makket it antropo­morfisme ús dûbeld ûnrêstich.”John Berger, ‘Why Look at Animals?’, yn: idem: About looking (New York: Pantheon, 1977) 11.

Berger doelt op it ferlies fan de kameraatskip bean oan de minske dy’t as soarte iensum is.John Berger, ‘Why Look at Animals?’, yn: idem: About looking (New York: Pantheon, 1977) 6. Dy persepsje fan iensumens as minsklike kondysje kin fuortkomme út ús kristlike kultuer; god soe Adam de hearskippij oer it diereryk jûn ha. In oare kym is it dogma dat minsklike aksje altyd op in doel rjochte aksje is, oars as de refleksive aksje fan bisten. Dat is maklik oan te fjochtsjen. Minsken ferskille yn in soad aktiviteit net fan bisten. Mar it is in aksioma dêr’t net oan toarne wurde moat om’t dan gjin ekonomyske metodology noch wurket. So what is net in reedlike fraach; it giet der net om wat de keunstner mei de ekonomyske struktuer moat. It punt is dat hjoeddedei de minske, ynklusyf de keunstner, definiearre wurdt as konsumint dy’t in bewuste en doelberette kar makket, ek al docht er dat net om’t in grut part fan ús sosjale represintaasjes sa hegemoanysk en breed dield binne dat de opsjes sterk unifoarm binne. It Nijs komt hjoed net fierder as de kar tusken healfolle en folle molke, in kar dy’t nammers al foar jo makke is.‘Folle molke mooglik better foar bern as healfolle molke’, It Nijs <http://www.itnijs.frl/2016/11/folle-molke-mooglik-better-foar-bern-healfolle-molke/> [krigen 18 novimber 2016]. Hoe dan ek, ús moderne ekonomyske struktuer needsaket ta it apart setten fan de minske as hanneljend subjekt en ta it objektivearjen fan al it net-minsklike.

Sa besjoen is de sinnichste fraach: wêrom net de iensumens? Om kreatyf te wêze te kinnen yn in ûnttsjoende wrâld stelde Rollo May út

“dat hjoeddedei de ferwikseling fan de merk mei de berch [dêr’t de goaden wenje] de kapasiteit easket fan konstruktyf brûken fan ôfsûndering … [I]n soad minsken binne bang foar ôfsûndering: allinne te wêzen is in teken fan sosjaal falen, want gjinien soe allinne wêze as er der wat oan dwaan koe.”Rollo May, The courage to create (New York / Londen 1994) 33.

Dat wie yn 1972. Underwilens is der, boppe-op it smoaren fan kreativeit yn merktinken, foar de artisti­siteit in grut gefaar bykommen. Want der is in systematyske tsjinstridichheid tusken diskoers en it sintúgchlike, dy’t sûnder útsûndering it sosjaal­kulturele hanneljen bepaalt, warskôget Jay Bernstein. “[De stridichheid] Syn oarsaak is maatskiplike rasjo­nalisaasje en ûntnochtering, syn fûneminteel effekt nihilisme: de omstannichheid dat ús heechste wearden har wearde ferlieze.”Jay Bernstein, ‘Aporia of the sensible: Art, objecthood an anthropo­morphism’, yn: Ian Heywood en Barry Sandywell (red.), Interpreting visual culture: Explorations in the hermeneutics of vision (Londen / New York 2001) 218-237, 219. Wy binne mei syn allen sa goed wurden yn it ideologysk tsjutten, beredenearjen, ynterpretearjen en kritysk ferarbeidzjen fan in keunstwurk dat it úteinlik inkeld noch as in ferhaal bestiet. Want wy ha it folslein yn wurden fette en redusearre ta syn konsept. As sintúchlik, fisueel of audityf wurk dat direkt emosjoneel te belibjen is, bestiet de moderne keunst net mear.

In hast automatyske reaksje is it weromlûken fan it wurk út it diskoers. De abstrakt-ekspresjonisten diene dat al fan 1940 ôf. Om te begjinnen koe har wurk de publike romte fysyk net yn: troch­geans wiene de doeken fierstente grut foar de muorren fan de útstallings­romtes. Mar essinsjeel is dat se op gjin inkelde wize werom te bringen binne nei in ferwurde konsept of in diskurisive gearfetting. Sa die yn 2005 bliken dat Jackson Pollock syn ‘karakter­istike geometryske drip­patroan’ óf net bestie, óf dat de Pollockkolleksje sûnder dat patroan net fan Pollock is, óf beide. De keunst fan Pollock, Mark Rothko en Willem de Kooning is noch altyd net oars te belibjen as sintúchlik. It wurk is net te objekti­fisearjen. It kin bêst wêze dat it subjekten binne, lykas wy.

Noaten

  1. Virginia Woolf, A room of one’s own [1929; lêzing útsprutsen 24 oktober 1928] (Orlando ensf. 2012) 106.
  2. Frank Furedi, ‘Individualism: A scapegoat for society’s ills’, Spiked, 19 juny 2015 <http://www.spiked-online.com/review_of_books/article/individualism-a-scapegoat-for-societys-ills/17082> [krigen 18 novimber 2016].
  3. De trochsneed tiid dy’t globale ynternetbrûkers yn 2016 besteegje oan sosjale media is 118 minuten deis. Sjoch www.statista.com.
  4. Joan Gibbons, Art and advertising (Londen 2005) 135. Hja neamt as foarbylden Andy Warhol en Jeff Koons.
  5. De politike kar foar frije handel en frij gebrûk fan rekreaasjedrugs en pornografy en foar frije kar fan seksuele aard en erotyk wurde banned fan Facebook. Facebook makket dêrneist op ferskate manieren it blokkearjen fan tagong troch de Facebook-brûker mooglik. Yn de praktyk sjocht men hast sûnder útsûndering de gratuite morele mandewurden en it preekjen foar eigen parochy dat elkenien wol kent fan famyljebesites. Selssensuer is ek op Twitter in bekend ferskynsel.
  6. Jean Baudrillard, Simulacra and simulation [1981] (Ann Arbor 1994) 1.
  7. Aristoteles, History of animals, 588a18-24, Part 1 <http://classics.mit.edu/Aristotle/history_anim.8.viii.html> [krigen 18 novimber 2016].
  8. Aristoteles, History of animals, 588b4-b6, Part 1 <http://classics.mit.edu/Aristotle/history_anim.8.viii.html> [krigen 18 novimber 2016].
  9. John Berger, ‘Why Look at Animals?’, yn: idem: About looking (New York 1977) 11.
  10. John Berger, ‘Why Look at Animals?’, yn: idem: About looking (New York 1977) 6.
  11. ‘Folle molke mooglik better foar bern as healfolle molke’, It Nijs <http://www.itnijs.frl/2016/11/folle-molke-mooglik-better-foar-bern-healfolle-molke/> [krigen 18 novimber 2016].
  12. Rollo May, The courage to create (New York / Londen 1994) 33.
  13. Jay Bernstein, ‘Aporia of the sensible: Art, objecthood an anthropomorphism’, yn: Ian Heywood en Barry Sandywell (red.), Interpreting visual culture: Explorations in the hermeneutics of vision (Londen / New York 2001) 218-237, 219.

Foaropwurd 2.17

Fers2, 6 novimber 2016

It KH-Oerlibbingspakket foar Keunst V: Dialooch

image

Publike dialooch is in needsaaklike betingst foar keunst.

Publike dialooch is in needsaaklike betingst foar wittenskip.

Publike dialooch is in needsaaklike betingst foar kulturele ûntjouwing en kulturele diversiteit.

As jo nei de ferkiezingen yn Amearika sjogge dan liket dialooch hielendal net mear in heech wurdearre goed te wêzen foar de minsken. Wiisheid en stúdzje binne elitêr, kennis is sekundêr njonken ynformaasje, feiten binne arbitrêr. De yndividu moat gewoan de wierheid sizze kinne en wêr’t dy wierheid wei komt docht der net ta.

Ferfolch

BREAKING!

Presidint Trump oer Fryslân

image

trump on immigration

trump on criminality

trump on clinton health

... folle myn browser foar my oan ...

trump on foreign policy

trump on free trade

trump on fried chicken

... en ... ja hear, dêr kaam it:

trump on friesland

Wat de relaasje fan Donald Trump mei Fryslân oanbelanget, hy, Trump, hat in geweldige relaasje mei de plattelânske lju! Jierappels binne favorite eh... side dish, lovely, sitearret er syn Trump: The art of the comeback. Friezen binne frij, grutsk, lichaamlik sûn mei in knikje oergewicht en hja hawwe lytse hannen mar kolossale genitaliën.

Dêrneist witte de Friezen wêr’t it kwea wei komt. Dêrom bestride hja de belesting­tsjinst tsjin diskrimi­naasje fan de wiere Friezen. Dêrom asfaltearje hja de greiden tsjin de kriminaliteit, dêrom bouwe hja wynmûnen tsjin de bystânberjochtigen, dêrom wurdearje se de keunst—dy fan de kommersje. En dêrom wint yn Fryslân it út har whatever bliedende part fan it folk nea gjin wittenskip- en keunstprizen (mar begryp Trump net ferkeard, hy skammet him dat er it twittere hat: professor Feitsma wie net in fat pig).

Boppedat is Fryslân in lân fan mitselders. Fryslân mitselet syn polityk oaninoar, it provinsjehûs, syn kultuer oaninoar, Fries Museum, en syn kultuer oan syn polityk, Lân fan Taal. En as se dêr aanst klear binne dan kinne se moai nei Trump. Want dy siket mitselders foar by de Meksikaanske grins.

De devaluaasje fan dialooch sjocht der út as it ein fan it westersk humanisme, dat nammers sa westersk net wie. Goed 2500 jier lyn hellen de Grykske tinkers út Lyts Aazje—by de Turken wei, op ’t heden leveransiers fan goedkeape fakânsjes en flauwe grappen oer Erdogan—it tinken dat net alle wetten rjochtfeardich wiene, dat se just ûnûntkomber samar wat wiene. Dêrom soe it better foar de beskaving wêze as der in mooglikheid kaam om alle gesach en alle regels út te daagjen, mei wiisheid te ûnderfreegjen en oan te passen yn it ljocht fan nije idealen en nije doelen. Sa waard de dialogyske ferhâlding berne fan de ultime wierheid en de praktyske mooglikheid om dy te bestriden en feroarjen.

De praktyske mooglikheid fan skepsis easke demokrasy, logika, wiisheid en universaliteit. Hoe heech pleatst oft in figuer en hoe djip woartele oft in tradysje ek wie, elkenien koe yn in iepenbier debat freegje om in rjochfeardiging derfan. Die gjin posityf gefolch foar it minskdom bliken dan koe in regel, macht of gewoante ôfwiisd wurde.

Dat klinkt as fiksje, slimmer noch, as science fiction, as in mission statement út Star Trek as Kirk en syn crew op ’e doele rekke minsklike kolonisten rêde moatte, dy’t jammerdearlik klam sitte op de planeet Turkije. Nee slimmer noch, as minne fan fiction fan Star Trek. In fûnemint nammentlik foar de demokrasy, universaliteit ensafuorthinne is dat alle boargers meidogge oan ’e iepenbiere saken, sûnder dat se dêr har private winsken, langstme en foaroardielen yn meinimme. Allinne dan kin der in frije diskusje wêze.Sjoch bygelyks Jürgen Habermas, The structural transformation of the public sphere (Cambridge, MA , MIT Press, 1991), 2 et passim. Alle iepenbiere uteringen binne autonoom, dat wol sizze dat de macht om in útspraak sels te stjoeren en behearskjen oanwêzich is. Dat kin inkeld as alle boargers gelyk binne; likefolle wat harren maatskiplike posysje is binne hja gelykweardich. Alle regels foar it bestjoeren fan it universum komme út in iepenbiere rasjonele dialooch fan ferantwurdlike, net egoïstyske persoanen. Krekt om’t dy persoanen har fersinne kinne is trochgeande dialooch fan gelykweardige boargers de iennichste manier om in wrâld mei sa min mooglik bestjoerlike flaters te krijen. “Cadet Uhura needed an advisor for her senior thesis, and Commander Spock was glad to be of assistance.”TomFoolery, ‘An algorithm for dating’, Fan Fiction, Star Trek: 2009 <https://www.fanfiction.net/s/12112481/1/An-Algorithm-for-Dating> [28 oktober 2016].

Bêst mooglik dat de boarger ûnderwilens te goed leard hat om in krityske ôfstân ta wa dan ek te nimmen, oer himsels te tinken as in hiel selsstannich wêzen, ûnôfhinklik fan alle oaren, mei in eigen wierheid dy’t hielendal fan him is en gjinien him ôfkrije mei. Mar faaks is de bestjoerder de slimste boarger. Piet Hemminga skreau yn 2003 oer de minne kommunikaasje fan de oerheid mei de boarger: “Yn dat patroan past ek dat bestjoerders dy’t krityk op har belied krije yn it algemien net sizze dat hja better nei de boarger harkje moatten hienen, mar ynstee dêrfan witte litte dat hja har belied better útlizze moatten hienen.”Piet Hemminga, ‘De kommunisearjende oerheid of de tút fan de kommissaris’, de Moanne 2:9-10 (2003) 42-45, 43. Kenne jo dy Erdoganmop dat er him fersinde yn wat it folk fan him hearre woe, om’t er net earst syn tweets neisjoen hie? Dat wie dus gjin mop.

Mar it idee dat in sterke naasje mei frije ynstituten in sintralisearre macht nedich hat, om’t frijheid krekt garandearre is as de hiele boargerij meiinoar de nasjonale ynstituten, lykas sûnenssoarch of de arbotsjinst (fan ús oare foarbylden krije jo noch mear pineholle), yn libben hâldt, is sa âld as de nacht. Dêrom is de boarger dy’t himsels sjocht as selsstannich, fan it gesichtspunt fan de oerheid út opgien yn ien egale massa. ‘Folk’ of ‘boargerij’ is in abstraksje, sûnder ferskil tusken minsken: “As FNP ha we de relaasje mei de boargers altyd heech yn it findel. Wy wolle as partij tusken de minsken stean, hearre en witte wat der by harren libbet en dêr serieus mei omgean.”Fryske Nasjonale Partij, ‘De oerheid moat better harkje nei de boargers’, FNP, g.d. <http://cms.fnp.frl/?frysk/organisaasje_en_leden/nijs/1124/> [krigen 28 oktober 2016]. De hjoeddeiske sintralisearre bestjoeren hawwe de boarger fierder isolearre, him út de iepenbiere partisipaasje skood en syn politike wil fuortfage troch him ôf te wennen om iepenbiere útspraken te dwaan. De sintralisearre macht leit syn hegemony net mear op troch despotisme mar troch technologyske ûntjouwing en de hannel dy’t dat mei him meibringt. Yn Fryslân hoege jo mar te sjen nei de enoarme bouwurken dy’t yn it lân ferrize: de wynmûnen, de sûnt in pear desennia ymmins populêre—by molke-ûndernimmers—freestall barns foar hûnderten kij en de sneldyk nei... Dokkum. De hegemonyske druk is op konsumearjen; wegebelesting is de iennichste provinsjale belesting, sa’n tweintich persint fan ’e ynkomsten.

O jawis is der krityk op de ferdieling fan macht troch de moderne naasjesteat dy’t foarmjûn is nei kommersjeel model, mei de ynnovaasje om de ynnovaasje dy’t yngripende feroaringen fan de natuerlike en sosjale omkriten easket. De Encyclopedie van Friesland is mei opsetsin net digitaal: “Nee, papier is juist nieuw. Er is grote behoefte aan een fysieke uitgave, aan letterlijk handzame feitenkennis. Op internet staat heel veel, maar niet alles is betrouwbaar.”Karen de Mik, ‘Nieuwe Friese encyclopedie zonder bollefreed, met aaisykjen’, NRC, 14 septimber 2016 <https://www.nrc.nl/nieuws/2016/09/14/geen-bollefreed-en-hondenwippen-meer-4290120-a1521462> [krigen 29 oktober 2016]. Antymodernisten wize op de ûnnatuerlikheid fan de sosjaalpolitike ûntjouwing en wolle ‘werom’ nei de mear humane organisaasje fan it tradisjonele libben en in ienfâldigere technology. Mar hja helje yn har redenearring natuerlikens trochinoar mei lang-besteande—‘tradisjonele’—kultuer. Folkloare, yn de sin fan direkt oerdroegen uteringen en artefakten, sjogge hja as natuerlik, streekrjocht út it lân en de memmetaal fuortkommen. Mar sa’n foarstelling fan ús aktuele situaasje idealisearret en dehistori­searret aspekten fan it ferline. It leit it lân hillichheid op en wiist in groep minsken oan as natuerlike beskermers derfan, om’t se tafallich en sûnder kar yn dat lân taholden. In oar ding is, komt it antymoderne argumint net inkeld mar fan in rebellearjende macht tsjin de dominante macht en bestiet it net allyksa út dogma’s en wierheden dy’t net yn de iepenbiere romte te besprekken binne? Is it wol dialooch?

Mei de term dialooch binne wy wol fertroud, want gauris wurdt der fia publike gearkomsten reklame foar makke: “Der moat besocht wurde om ... ynterkulturele dialooch yn de maatskippij te stimulearjen”, fertelt it Riejaand Komitee de Rie fan Europa,Riejaand Komitee foar it Kaderferdrach Oangeande it Beskermjen fan Nasjonale Minderheden [Framework Convention for the Protection of National Minorities], ‘Twadde advys oer Nederlân, goedkard op 20 juny 2013’, Council of Europe, 2013, 1 <https://www.coe.int/t/dghl/monitoring/minorities/3_FCNMdocs/PDF_2nd_OP_TheNetherlands_fy.pdf> [krigen 29 oktober 2016]. en “De Steatemerk is bedoeld foar de dialooch mei boargers en organisaasjes”, seit de Provinsje Fryslân.Provinsje Fryslân, ‘Koppefolder Provinsjale Steaten septimber 2016’, 1 <http://www.fryslan.frl/153/provinciale-staten/files/koppefolder%20provinsjale%20steaten%20septimber%202016.pdf> [krigen 29 oktober 2016]. Mar stimulearjen en bedoele foar betsjut net dat dy dialooch der komt. Wierskynlik net; wa heart no ea nijs oer in befredigjende iepenbiere konversaasje?

Fers2 hat yn goed oardel jier nea in dialooch mei lêzers en skriuwers op gong bringe kinnen. Nei oanlieding fan in eachrôljend fersyk om krityk op de Fers2-fisys kamen der trije reaksjes. Dêrfan giet ien yn op de opinieardens fan Fers2, ien op it tekoart oan reagearjen fan minsken opinoar yn ’t algemien en, mar dat bliuwt ûnútsprutsen, fan Fers2 yn ’t bysûnder, en ien op ’e konsekwinsjes, gear te fetsjen as: besykje net mei my te redendielen. It binne wichtige opmerkingen. Want Fers2 syn ‘ik’- en ‘wy’-teksten kinne likegoed ferlechjes wêze foar ûnbeskamsum sjarzjearjen en wyld narsisme as dat se de iennichste manier binne om in artistike tsjinkultuer, of de mooglikheid dêrta, yn libben te hâlden, troch in deistige krityske kultueranalyse dy’t net frij is fan ideology—dat is de mainstream-kultuer ommers ek perfoarst net. En is net it definiearjen fan publyk debat as in produkt, as paskleare útkomst fan ‘ynformearjen’, ‘útlizzen’ en ‘oertsjûgjen’, ynstee fan in proses, eat dêr’t Fers2 syn foardiel mei docht? Want wolle se no werklik in tydskrift as prosédee? Hawar, trije reaksjes. It mei dúdlik wêze dat dialooch, hoewol’t it út konvinsje en sûnder der fierder by nei te tinken foarsteld wurdt as fansels weardefol foar de beskaving, yn wêzen in riskante saak is.

De huverigens foar dialooch is te skieden yn twa typen krityk. De iene, rûchwei fûn yn ’e iene reaksje, giet út fan goetrou en hat noed oer de ynhâld fan de dialooch, om krekt te wêzen oer ideologysk misbrûk. De oare, wjerspegele yn ’e twadde reaksje, hat in fûneminteler punt, nammentlik twifel oer it idee en de mooglikheid fan dialooch ûberhaupt. De earste beswier is dat hearskjende fisys winne en marzjinale stimmen fuortstjoerd wurde, om’t de tagong ta de dialooch hielendal net gelikens iepenstiet foar alle boargers, ek al fine wy bygelyks man en frou lykweardich. Op de fraach Are you a feminist? andere Salman Rushdie hiel sosjaal winsklik: “Everything else is being an asshole. These are your choices.”The Cut, ‘15 Famous men on whether or not they’re feminists’, New York Magazine, 17 novimber 2015 <http://nymag.com/thecut/2015/11/15-famous-men-whether-theyre-feminists.html> [krigen 29 oktober 2016]. Mar op itselde stuit fûnen twa linguïsten út dat yn de nije Disneyfilms froulju folle minder prate as manlju, in tredde part, en dat har praten fierder ôfnimt.Carmen Fought en Karen Eisenhauer, ‘A quantitative analysis of gendered compliments in Disney Princess films’, paper presintearre op de jiergearkomste fan de Linguistic Society of America yn Washington DC, 9 jannewaris 2016 <http://www.kareneisenhauer.org/wp-content/uploads/2016/04/lsa-presenation-d3.pptx> [krigen 29 oktober 2016]. De korrektive funksje fan dialooch, it ferbetterjen fan tinkbylden yn de maatskippij, krijt by it útsluten fan stimmen net syn beslach, dêr hat de kritikus gelyk oan, dus as jo ylliberale lju en yrrasjonele, ûnberette stânpunten yn ’e dialooch tolerearje is dy sinleas.Cf. David Bohm, On dialogue (New York 1996) 30.

Mar dat beswier is rjochte tsjin ûnbegryp fan wat dialooch is, net tsjin dialooch sels.Hans-Georg Gadamer, Truth and method, 2e oanp. pr. (Londen / New York 2006) xxv-xvi. Wat se ferstean ûnder dialooch spitst him trochgeans ta op ûnderhanneljen, net op sinfolle taneiering:Cf. David Bohm, On dialogue (New York 1996) 30. “I then spoke to Sean Hannity. … I had numerous conversations with Sean Hannity at Fox. And Sean Hannity said—and he called me the other day—and I spoke to him about it—he said you were totally against the war, because he was for the war.”Donald Trump, Presidential Debate, Hofstra University, Hempstead, N.Y., 26 septimber 2016. Us kursiven. Mar dialooch is der net op út de oar te ferslaan; it is om it redenearjen fan de oar te fersterkjen.Hans-Georg Gadamer, Truth and method, 2e oanp. pr. (Londen / New York 2006) 323. De iennichste manier om dat te dwaan is dat minsken har foaroardielen en oanlearde oertsjûgingen, dy’t altyd mei de sosjale noarmen fan har eftergrûn ferfrissele binne, meinimme yn ’e dialooch.

As dan de minsken har tipelsinnigens yn de dialooch bringe, komt it twadde beswier op ’e tafel. Want dan nimme hja ek har taal mei om dêr te sprekken. Taal is eat dat wy leard ha, dat wy opsizze, dat fol sit mei jargon en fêstroastke terminology; taal iepenbieret in gearhingjende kliber fan betsjuttingen en wierheid, begryplik yn himsels.Hans-Georg Gadamer, Truth and method, 2e oanp. pr. (Londen / New York 2006) 197. Mar folget dêrút net dat taal ynherint twingend is en dat it weipoetsen fan ferskil en it oanstjoeren op in akkoart as domwei bekrêftigjen fan de hearskjende opiny, sa’t dat hjoed bart, ûnûntkomber is? Freegje wy net feitlik fan wa’t de dialooch yn giet, dat er mar de oaren ‘begrypt’ en meiprate kin, om syn iennichste macht, dy fan nee sizzen, op te jaan?

Ja! Dat is yndie wat wy dwaan moatte yn in dialooch!Hans-Georg Gadamer, Truth and method, 2e oanp. pr. (Londen / New York 2006) 305. Jo moatte it sels witte, mar wy fan Fers2 dogge it en wy wolle it net safier komme litte dat der twang útoefene wurde moat, jakkes. Wy jouwe ús oer oan it publike petear en akseptearje, sûnder dat immen dat easket, gewoan dat wy dingen hearre dy’t dwers tsjin ús yngeane, dat bart ommers faak genôch yn it libben. En jûns sette wy dan in lilk berjocht op Facebook.

Noaten

  1. Sjoch bygelyks Jürgen Habermas, The structural transformation of the public sphere (Cambridge, MA , MIT Press, 1991), 2 et passim.
  2. TomFoolery, ‘An algorithm for dating’, Fan Fiction, Star Trek: 2009 <https://www.fanfiction.net/s/12112481/1/An-Algorithm-for-Dating> [28 oktober 2016].
  3. Piet Hemminga, ‘De kommunisearjende oerheid of de tút fan de kommissaris’, de Moanne 2:9-10 (2003) 42-45, 43.
  4. Fryske Nasjonale Partij, ‘De oerheid moat better harkje nei de boargers’, FNP, g.d. <http://cms.fnp.frl/?frysk/organisaasje_en_leden/nijs/1124/> [krigen 28 oktober 2016].
  5. Karen de Mik, ‘Nieuwe Friese encyclopedie zonder bollefreed, met aaisykjen’, NRC, 14 septimber 2016 <https://www.nrc.nl/nieuws/2016/09/14/geen-bollefreed-en-hondenwippen-meer-4290120-a1521462> [krigen 29 oktober 2016].
  6. Riejaand Komitee foar it Kaderferdrach Oangeande it Beskermjen fan Nasjonale Minderheden [Framework Convention for the Protection of National Minorities], ‘Twadde advys oer Nederlân, goedkard op 20 juny 2013’, Council of Europe, 2013, 1 <https://www.coe.int/t/dghl/monitoring/minorities/3_FCNMdocs/PDF_2nd_OP_TheNetherlands_fy.pdf> [krigen 29 oktober 2016].
  7. Provinsje Fryslân, ‘Koppefolder Provinsjale Steaten septimber 2016’, 1 <http://www.fryslan.frl/153/provinciale-staten/files/koppefolder%20provinsjale%20steaten%20septimber%202016.pdf> [krigen 29 oktober 2016].
  8. The Cut, ‘15 Famous men on whether or not they’re feminists’, New York Magazine, 17 novimber 2015 <http://nymag.com/thecut/2015/11/15-famous-men-whether-theyre-feminists.html> [krigen 29 oktober 2016].
  9. Carmen Fought en Karen Eisenhauer, ‘A quantitative analysis of gendered compliments in Disney Princess films’, paper presintearre op de jiergearkomste fan de Linguistic Society of America yn Washington DC, 9 jannewaris 2016 <http://www.kareneisenhauer.org/wp-content/uploads/2016/04/lsa-presenation-d3.pptx> [krigen 29 oktober 2016].
  10. Cf. David Bohm, On dialogue (New York 1996) 30.
  11. Hans-Georg Gadamer, Truth and method, 2e oanp. pr. (Londen / New York 2006) xxv-xvi.
  12. David Bohm, On dialogue (New York 1996) 21.
  13. Donald Trump, Presidential Debate, Hofstra University, Hempstead, N.Y., 26 septimber 2016. Us kursiven.
  14. Hans-Georg Gadamer, Truth and method, 2e oanp. pr. (Londen / New York 2006) 323.
  15. Hans-Georg Gadamer, Truth and method, 2e oanp. pr. (Londen / New York 2006) 197.
  16. Hans-Georg Gadamer, Truth and method, 2e oanp. pr. (Londen / New York 2006) 305.

Foaropwurd 2.16

Fers2, 23 oktober 2016

It KH-Oerlibbingspakket foar Keunst IV: Minderheid

image

Foar in minderheidsliteratuer is it ekstra fan belang dat der nasjonaal omtinken komt fan de mearderheidsliteratuer, yn it Fryske gefal de Nederlânske literatuer.”Redaksje Skanomodu, ‘De steat fan de Fryske literatuer’, Y-skrift, 14 septimber 2015 <http://www.skanomodu.nl/index.php/tag/takomst/> [krigen 11 oktober 2016]. “Yn in lytse en minderheids­literatuer as de Fryske binne altyd mear dichters as proazaskriuwers aktyf.”‘Redaksjoneel’, Ensafh 4:3 (2012) 4. “Wy hawwe hjir te krijen mei in echte minderheidsliteratuer. Publikaasjemooglikheden binne der amper. Der is net iens in fêste literêre periodyk. Lykas yn mear minderheidsliteratueren komt de poëzy it meast oan bod.”De redaksje, ‘Redaksjoneel’, Trotwaer 24:3/4 (1992) 87. Yn dy sitaten, alle trije fan de redaksjes fan Fryske literêre tydskriften, falt de ûnmiskenberens op fan minderheid. As soene jo kollega’s, as jo by de boekhannel lâns rûn binne, sadree’t jo op kantoar komme it rút iependwaan en loftferfrisser spuitsje. Dat it om literatuer giet is sa te sjen noch mear fansels.

A propos, op de earste Dei fan de Fryske Letterkunde hat gjinien ferteld wêr’t wy it oer hawwe as wy prate oer letteren, littera en litteratura, Latyn foar skriuwen en boek-learen. Ek wêrom’t literatuer wichtich is waard ienriedich en wisberet net op it aljemint brocht. De reden soe fansels wêze kinne dat it wêzen en belang fan literatuer oan ferfeelsumens ta werhelle saken binne, it 1 + 1 = 2 fan de Fryske kultuer. Mar dat de niisneamde tydskriften oannimme dat elkenien de definysje paraat hat fan ‘minderheids­literatuer’, ‘lytse of minderheidsliteratuer’ en ‘echte minderheidsliteratuer’—miskien hiene se better efkes de rekkenmasine brûke kinnen.

In dúdlik beneidielde minderheidsliteratuer is de skriuwerij fan Fryske froulju, sa hold Ferdinand de Jong út yn syn kollum.Ferdinand de Jong, ‘De Gysbert Japicx priis en twa ferdronken bern’, De toan fan Ferdinand de Jong, Omrop Fryslân, 6 oktober 2016 http://www.omropfryslan.nl/nijs/670266-kollum-de-gysbert-japicx-priis-en-twa-ferdronken-bern [krigen 6 septimber 2016]. It is Riek Landman dy’t dat De Jong fertelt; sels wie it him net opfallen, skriuwt er, dat froulju selden in Gysbert Japicxpriis winne. Froulju bringe dat sels te min nei foaren? Hja melde har minderheids­kwestje net? “Wat ik wol sizze wol,” seit De Jong—dat er yn in sin fan tweintich wurden twa taalflaters makket en yn ien fan achttjin wurden trije tsjut net perfoarst op min ynformearjen, inkeld op oerhingjen nei fersin en ûnkrektens‘Straal’ is nije sprektaal (Nederlannisme), bedoeld wurdt ‘alhielendal’. ‘Gysbert winner’ as twa losse wurden wurdt oantsjut as the English disease. ‘Populêrder dan’ is Nederlânsk, it moat wêze ‘as’. Gemiddelde is ek Nederlânsk, Frysk is ‘trochsneed’ of ‘trochinoar’. Yn de nammen sit ek in flater, it is Goïnga.—“is dat de lêzers yn it generaal straal oan de Gysbert winners foarby geane. Want Riek, Auck Peanstra, Hylkje Goinga, Froukje Annema en op dit stuit Hilda Talsma binne by de minsken dy’t Frysk lêze gâns populêrder dan de gemiddelde Gysbert winners. Dus Riek, de kwaliteit sit net yn it winnen fan de Gysbert, mar yn wat de lêzers fan dy fine.” Case dismissed, hatsikidee!

De Jong lit sa hierskerp sjen wat minderheidsliteratuer is dat Goffe Jensma syn kursus minority literature gjin inkelde kâns mear makket by de akkreditaasjekommisje. Want Jensma krijt soks net út syn mûle: dat minderheidsliteratuer literatuer is dy’t in minderheids­perspektyf ynnimt, lykas dat froulju by gelikense prestaasje as de manlju ek rjocht hawwe op in priis. En dat dat no just in minderheids­perspektyf is om’t minderheden, yn it Grinzer kursusjargon, ‘voice & choice’ misse. Yn Fers2-jargon: foar safier’t Landman de kar hie om De Jong op syn bek te slaan hie dat har net tichterby in literêre priis brocht.

Ferfolch

¡ Lês ek !

Eare foar de dichter mankearret oan KH2018

image

De Fryske kulturele ikoanen binne dea en ûnbesprutsen, mar libbene poëzij hat in fûnemintele taak.

Friduwih Riemersma, Friesch Dagblad, 15 oktober 2016.

De essees fan Abe de Vries skowe al fan 2008 ôf de fraach nei foaren wat it is dat de Fryske literatuer in minderheidsliteratuer makket. Dat minderheidsliteratuer literatuer is dy’t skreaun is yn in minderheidstaal, dus in taal dy’t troch minder as fyftich persint fan ’e minsken sprutsen wurdt, is net in needsaaklik kritearium, lit stean in foldwaandenien. De Brontësusters skreaune har feministyske minderheidsboeken yn deselde taal as de doe folslein manlike literatuer en de swarte Toni Morrison skriuwt yn wyt-Amerikaansk, oars as bygelyks Ishmael Reed. Wat fierder te tinken fan Fryske skriuwers dy’t tagelyk yn it Frysk en Nederlânsk skriuwe? Want automatysk wurdt it Nederlânsk sjoen as de mearderheidstaal dy’t de minderheidstaal ferkringt. Dat mei polityk en juridysk sa wêze, op yndividueel-psychologysk nivo is it ûnsinnich. Mar it punt is dat, hoe entûsjast De Vries syn fragen ek nei foaren bringt, de oaren altyd hurder wurkje om se wer nei de eftergrûn te triuwen.

Diene se dat om’t jo Fryske (ûnderstelde) minderheidsliteratuer net fan Nederlânske literatuer ûnderskiede kinne, dan hiene se gelyk. Net allinne makke de oarloch wittenskip op it mêd fan nasjonale kultuer en folkloare ûnetysk en dêrom praktysk min útfierber, mar sokke wittenskip is teoretysk ûnmooglik. Want wat is in ferskil, wat is in relevant of sinjifikant ferskil? Likegoed siket de international business research al desennialang steech nei nasjonale kultuerferskillen. Op basis fan ’e útkomsten fierde de IBM—syn delgong is spektakulêr—it belied. Op dit stuit bestiet der gjin inkeld betrouwen yn de teory dat kultuerferskillen ferbûn binne mei (permaninte) etnisiteit en net gewoan mei (kontingint) sosjaal learen.Sjoch bygelyks John M. Mutschink, Managers’ national culture and its impact on response styles in a global multinational company, dissertaasje filosofy, Kansas State University (Manhattan, KS 2007) 9; sjoch foar de besprekken fan it wurk fan Geert Hofstede, dy’t de IBM-ûndersiken útfierde ‘Dr. Geert Hofstede™ cultural dimensions’, International Buisiness Center, 2011 <http://geert-hofstede.international-business-center.com/mcsweeney.shtml> en <http://geert-hofstede.international-business-center.com/geert_hofstede_resources.shtml> [krigen 11 oktober 2016]. Dêrneist moat nasjonaal literatuerûndersyk útgean fan allerhanne claims dy’t ûnbewiisd binne, lykas “it bestean fan in ynheemske, sels-bewuste artistike tradysje.”Naftoli Bassel en Ilana Gomel, ‘National literature and interliterary system’, Poetics Today 12:4 (National Literatures/Social Spaces) (1991) 773-779, 773. Dy claim is yn Fryslân om te gûlen sa simpel te fersmiten: ommers literatuerûndersyk wurdt net mear dien.

In minderheidsliteratuer is in literatuer dy’t tsjin de literêre dominânsje yngiet. It is altyd in kontrahegemonysk ûndernimmen—dat wit De Vries ek wol, mar it jout gjin antwurd op syn fraach. Mei in yntinsjonele definysje komme jo der net, dat wol sizze mei it opsomjen fan in mjuks fan essinsjele betingsten en sinleaze quid rei lykas dat ús minderheidsliteratuer ‘aktuele’ Fryske taal brûkt. Dat Frysk lunet dei nei dei troch foarskreaune eroazje; in oersetter fan Regaad fertelde dat yn jeugdboeken in soad Nederlânsk ferwurke wurde ‘moat’.Ytsje Hoekstra, persoanlik petear, Ljouwert, 7 oktober 2016. Der is nea ûndersyk dien nei lêsprestaasjes, lêsfoarkarren en taalfoarkarren fan (groepen) jongerein yn Fryslân. Der bestiet ek gjin teoretyske, noch empiryske ûnderbouwing foar de oanname dat it lêzen fan jongerein fuortsterke wurdt troch har lege statusthústaal te mingen mei in hege statustaal (lykas wrâldwiid it Amerikaansk-Ingelsk). Deleuze en Guattari beneierje de fraach wat in minderheidsliteratuer is dêrom sa’t in beuker de wrâld oanpakt. Dat is mei in steech en dreech op kearn en oarsprong rjochte “Wêrom, wêrom, wêrom?” dêr’t wy meastal gjin antwurd op hawwe, wat ús needsaket om de oanberne skepsis yn alle gefallen foar’t de learplicht begjint de kop yn te drukken.

Yn de jierren tachtich, op it hichtepunt fan de antykolonialis­tyske politisearring fan de literatuerwittenskip, fertelt de Nigeriaanske dichter Chinua Achebe dat it net oars koe as dat it útdrukking jaan oan de benearjende posysje fan in folk en it besykjen om de kultuer fan dat folk it paad te wizen, de skriuwer yn in dialektyske tirade mei de Westerske kultueren brocht.Chinua Achebe, ‘The black writer’s burden’, Présence Africaine 31:59 (1966) 138-139, 135. Sintraal yn Achebe syn útlis stiet de benearjende romte, dy’t by Deleuze en Guattari ‘espace exigu’ hjit: in sosjale romte dêr’t gjin plak is foar wat oars as de mainstream of de hegemony.Gilles Deleuze en Felix Guattari, ‘Qu’est-ce qu’une littérature mineure?’, yn: idem: Kafka: Pour une littérature mineure (Parys 1975) 29-50, 30. In littérature mineure, oftewol in mindere literatuer hannelet dus net om it folk, net om it sykjen fan syn identiteit en net om ’e taal. “In mindere literatuer is net dy fan in minderheidstaal, mar earder dat wat in minderheid makket yn de mearderheidstaal”, is ien fan de meast sitearre sinnen fan Deleuze en Guattari.

De swiere klam op taal yn it multykulturele diskoers komt net fan syn essinsje yn in sosjale setting, mar fan syn wurking. Alfabetisearring tsjinnet altyd it fersprieden fan de narrative. Mar meastal is dat it mearderheidsferhaal. Bygelyks dat literatuer skreaun is. Yn dy opfetting kin der yn in net formeel oerdroegen taal dy’t net standerdisearre is en dus amper skriftlik bestiet, gjin literatuer wêze. Sa fertelt in skripsje dat de njoggentjinde-ieuske, orale Winterjounenochten wichtich binne om har gefolch, nammentlik har “ferbinende krêft” foar de lettere Fryske literatuer.Nienke Jet de Vries, ‘De ferbinende krêft fan it Winterjounenocht’, Y-skrift, 25 desimber 2015 <http://www.skanomodu.nl/index.php/2015/de-ferbinende-kreft-fan-it-winterjounenocht/> [krigen 11 oktober 2016]. Wêrom’t dy lettere literatuer yn fredesnamme ferbinende krêft nedich hie komme wy net te witten. Dat de skripsje likegoed, of just, in priis wint wiist op it útfieren fan hegemonyske druk op ús kultuer.

It benearjende plak is net benearjend is om’t de literatuer, dy’t it kultureel bewustwêzen oerdrage moat, der aktyf ûnderdrukt wurdt, mar om’t de oerhearskjende kultuer en polityk it plak yngripend op ’e nij kreëare hawwe en sadwaande de literatuer losweakke fan syn woartels.Deleuze en Guattari brûke it konsept ‘déterritorialisation’, dat it proses fan kulturele globalisearring mei as gefolch de ûnthechting fan de yndividu omfettet; sjoch ek Anti-Œdipus en Mille plateaux. Dat makket de dialektyk fan de minderheidsliteratuer ynherint ambivalint, skriuwt Achebe.Chinua Achebe, ‘The black writer’s burden’, Présence Africaine 31:59 (1966) 138-139. De minderheidsskriuwers hawwe wearden absorbearre dy’t har kultuer ynfiltrearren, lykas de wearde fan de yndividuele agency fan de keunstner, en hja drage dy wearden ûnûntkomber oer nei de lêzer. It gefolch dêrfan is dat skriuwers noch lêzers har essinsjeel ûnderskiede fan Nederlânske skriuwers en lêzers, of Europeeske. Dat is krekt wêrom’t it definiearjen fan ‘minderheidsliteratuer’ sa problematysk is. It tsjinhaspeljen dat de taal it essinsjele ûnderskied is blykt al jierrenlang net mear as in retoaryske trúk, it ynspyljen op ús emosjonele hechting mei ús memmetaal, dy’t hillich foar ús is of wy doge net, sadat wy der niks ûnreedliks oan fine dat ús literatuer net spesjaal beskerme wurdt.

Mar in debat oer de kwestje fan de benearjende romte kin net ûntbrekke yn in kultuer dy’t himsels serieus nimt en mear wêze wol as toeristyske folkloare. Ek om fragen oer de politike klam op taalbehearsking yn relaasje ta literatuer kin gjinien langer hinne en benammen net om fragen oer de romte foar marzjinale literêre ferskynsels binnen de Fryske mainstream. As it de trochsneedlêzer neat skele kin, moatte wy dan de elitêre GJ-priis hâlde? Ho wacht. Stelle wy no deselde fraach as De Jong?

Noaten

  1. Redaksje Skanomodu, ‘De steat fan de Fryske literatuer’, Y-skrift, 14 septimber 2015 <http://www.skanomodu.nl/index.php/tag/takomst/> [krigen 11 oktober 2016].
  2. ‘Redaksjoneel’, Ensafh 4:3 (2012) 4.
  3. De redaksje, ‘Redaksjoneel’, Trotwaer 24:3/4 (1992) 87.
  4. Ferdinand de Jong, ‘De Gysbert Japicx priis en twa ferdronken bern’, De toan fan Ferdinand de Jong, Omrop Fryslân, 6 oktober 2016 http://www.omropfryslan.nl/nijs/670266-kollum-de-gysbert-japicx-priis-en-twa-ferdronken-bern [krigen 6 septimber 2016].
  5. ‘Straal’ is nije sprektaal (Nederlannisme), bedoeld wurdt ‘alhielendal’. ‘Gysbert winner’ as twa losse wurden wurdt oantsjut as the English disease. ‘Populêrder dan’ is Nederlânsk, it moat wêze ‘as’. Gemiddelde is ek Nederlânsk, Frysk is ‘trochsneed’ of ‘trochinoar’. Yn de nammen sit ek in flater, it is Goïnga.
  6. Sjoch bygelyks John M. Mutschink, Managers’ national culture and its impact on response styles in a global multinational company, dissertaasje filosofy, Kansas State University (Manhattan, KS 2007) 9; sjoch foar de besprekken fan it wurk fan Geert Hofstede, dy’t de IBM-ûndersiken útfierde ‘Dr. Geert Hofstede™ cultural dimensions’, International Buisiness Center, 2011 <http://geert-hofstede.international-business-center.com/mcsweeney.shtml> en <http://geert-hofstede.international-business-center.com/geert_hofstede_resources.shtml> [krigen 11 oktober 2016].
  7. Naftoli Bassel en Ilana Gomel, ‘National literature and interliterary system’, Poetics Today 12:4 (National Literatures/Social Spaces) (1991) 773-779, 773.
  8. Ytsje Hoekstra, persoanlik petear, Ljouwert, 7 oktober 2016. Der is nea ûndersyk dien nei lêsprestaasjes, lêsfoarkarren en taalfoarkarren fan (groepen) jongerein yn Fryslân. Der bestiet ek gjin teoretyske, noch empiryske ûnderbouwing foar de oanname dat it lêzen fan jongerein fuortsterke wurdt troch har lege statusthústaal te mingen mei in hege statustaal (lykas wrâldwiid it Amerikaansk-Ingelsk).
  9. Chinua Achebe, ‘The black writer’s burden’, Présence Africaine 31:59 (1966) 138-139, 135.
  10. Gilles Deleuze en Felix Guattari, ‘Qu’est-ce qu’une littérature mineure?’, yn: idem: Kafka: Pour une littérature mineure (Parys 1975) 29-50, 30.
  11. Nienke Jet de Vries, ‘De ferbinende krêft fan it Winterjounenocht’, Y-skrift, 25 desimber 2015 <http://www.skanomodu.nl/index.php/2015/de-ferbinende-kreft-fan-it-winterjounenocht/> [krigen 11 oktober 2016].
  12. Deleuze en Guattari brûke it konsept ‘déterritorialisation’, dat it proses fan kulturele globalisearring mei as gefolch de ûnthechting fan de yndividu omfettet; sjoch ek Anti-Œdipus en Mille plateaux.
  13. Chinua Achebe, ‘The black writer’s burden’, Présence Africaine 31:59 (1966) 138-139.

Foaropwurd 2.15

Fers2, 9 oktober 2016

It KH-Oerlibbingspakket foar Keunst III: Martelder

image
Chaïm Soutine, Bœuf et tête de veau, sa. 1925, oalje op doek, 92 x 73 sm., Musée de l'Orangerie

Myte is in wichtich fûnemint fan polityk. Net wierheid. Wierheid en ûnwierheid hâlde har inkeld steande yn de religieuze sfear, dêr’t in profeet de absolute wierheid claimt en bewiist, mei de betingst dat men dy profeet wol leauwe moat. Myte is gewoan in goed ferhaal. It skept de koades fan kollektive identiteit, ferienet de opfettingen en sosjale groepen en legitimearret politike ynstitúsjes. Religieuze myte ferbynt de noflike selsbekrêftiging fan de myte mei de morele regels fan in beskate religy. Relimyte is dêrom net-pluralistysk. Dat is akseptearre kennis. Jo wolle de stichting Kulturele Haadstêd der net op hoege te wizen, lykas as dat jo der net op wize woene dat pop sculpture, wurken yn de iepenbiere romte fan in mei opsetsin provokatyf formaat, fier boppe de minsklike mjitte, yn it algemien gjin keunst is. Kulturele Haadstêd dat binne faklju; jo kinne harren net behannelje as wiene se juster krekt ûnder in stien wei krûpt.

Bliken docht dat se noch ûnder de stien hûkearzje. Dat is pech. Wy sille wer itselde ferhaal fertelle moatte: de moard op Bonifasius is in myte dy’t min is foar ús imago fan respekt foar in oar syn kar.

Om de Kulturele Haadstêdfontein yn Dokkum hinne komme twaenfyftich iken te stean. Neffens de fonteinûntwerper ferwize dy iken nei de twaenfyftich martelders dy’t tegearre mei Bonifasius by Dokkum fermoarde binne, doe’t se besochten de Friezen te kerstenjen, út wraak om’t hja de hillige iken fan de Friezen omhakt hiene. De martelders, dy’t har libben jûn ha yn de striid tsjin de heidenske iik, wurde eare mei in nije iik.‘Schetsontwerp IJsfontein Dokkum bekend’, De Architect, 24 septimber 2015 <http://www.dearchitect.nl/nieuws/2015/09/24/schetsontwerp-bekend-voor-ijsfontein-dokkum.html> [krigen 23 septimber 2016]. Neffens deselde logika soene se de Fries dy’t no in part fan syn libben jaan moat om’t er de stekker út in hillige fiering yn Myanmar luts,Nicola Smith, ‘Dutch tourist faces two years in Burmese jail for pulling plug on Buddhist sermon’, The Telegraph, 4 oktober 2016 <http://www.telegraph.co.uk/news/2016/10/04/dutch-tourist-faces-two-years-in-burmese-jail-for-pulling-plug-o> [krigen 4 oktober 2016]. eare moatte mei in nije stekker?

Mar de Dokkumers hawwe wol wat oars om har drok om te meitsjen. Se hawwe amper jild foar it opnij ynrjochtsjen fan it merkplein dêr’t de fontein komme moat, der moatte parkear­plakken ferdwine, wat by de middenstân altyd mank giet mei alle fazen fan rou en se sjogge fonteinen net as in sintraal ferlet fan ’e Dokkumer ‘mienskip’. Iken hawwe yn it bosk op syn minst seis meter romte rûnom nedich en yn urbane omkriten dêr’t de grûn net optimaal fruchtber is noch mear meters, dat twaenfytich iken ticht op inoar kin net oars as liede ta nij omhakken (no gewoan troch de plantsoenetsjinst fan de gemeente Dongeradiel). Der komme dan ek minder as twaenfyftich beammen; foardiel is behâld fan parkear­plak.‘Aanpassingen IJsfontein Dokkum mogelijk’, Nieuwe Dockumer Courant, g.d. <http://www.nieuwedockumercourant.nl/gemeentenieuws/43746/aanpassingen-ijsfontein-dokkum-mogelijk/> [krigen 23 septimber 2016]. It te heech grypte ikenplan, dat net oars as útgean kin fan de kristlike ûnderwerping fan de natuer oan de minske, lit sjen dat de ûntwerper libbene werklikheid wike lit foar religieus symboal.

It omhakken ferwiist nei in leginde. Yn 723 hakte yn Geismar, Dútslân, in kristlike misjonaris, Winfrid, in iik om dy’t in hillichdom wie fan de Germaanske god Tonger. “En doe’t er in lyts stikje yn de stam hakt hie rierde in striker, stjoerd troch God, oer ús hinne, en ynienen bruts de sprantele top fan de beam ôf en de iik foel mei hiel syn enoarme massa op ’e grûn. En hy wie yn fjouwer stikken brutsen, as troch godlike wille, sadat de stam yn fjouwer enoarme stikken ferdield wie, sûnder writen fan de bruorren dy’t derby stiene”, skriuwt Willibald.James Harvey Robinson (red.), Readings in European history, 1 (Boston [ensf.] 1904) 106-107. Sein wurdt ek dat it kapjen fan de iik it begjin markearre fan it kerstenjen fan de Germaanske folkeren. Oer Fryske iken dy’t foelen troch Winfrid, of Winfrid & God, is neat oerdroegen. Tusken 716 en 722 hat Winfrid twa kear yn Frisia west om te kerstenjen en is fuortjage.Consuelo Maria Aherne, ‘Saint Boniface’, Encyclopedia Britannica, 2016 <https://www.britannica.com/biography/Saint-Boniface> [krigen 23 septimber 2016]. Fan syn tredde en lêste missy, wilens ynstalleare as biskop Bonifasius fan Mainz, witte wy dat er him net spesjaal op de iken stoarte. Mar it sil net as fernuvering komme dat der withoe folle heroyske ferhalen út dy tiid binne oer misjonarissen lykas Winfrid, dy’t mei gefaar foar eigen libben hillige iken kapje; úteinlik tsjinje dy narrativen it legitimearjen fan it weifegen fan oare religys.Benjamin Lieberman, Remaking identities: God, nation, and race in world history (Lanham [ensf.] 2013) 45.

Der is in hiel soad bekend fan Bonifasius. Net allinne wie er in fanatike misjonaris sadat der hiel wat vitae oer him skreaun binne, mar ek korrespondearre er in soad en boppedat foel syn namme faak om’t er in drege persoanlikheid hie. As er it net iens wie mei de evangeli­searrings­oanpak fan syn kollega’sIn grut konflikt ûntstie bygelyks doe’t aartsbiskop Willibrord Winfrid frege om biskop neist him yn Utert te wurden en Winfrid wegere. Sjoch bygelyks Hinne Wagenaar, ‘Boniface and the Frisian lands revisited: Outline of a precarious historical relationship’, Hinne Wagernaar: Teology yn Fryslân, 2006 <https://hinnewagenaar.frl/articles/boniface-and-the-frisian-lands-revisited/> [krigen 23 septimber 2016]. rûn er dalik nei Rome, hy ferwachte direkt en ûnmeilydsum hanneljen en it liket derop dat er bûtengewoan strang wêze koe yn syn oardielen.Consuelo Maria Aherne, ‘Saint Boniface’, Encyclopedia Britannica, 2016 <https://www.britannica.com/biography/Saint-Boniface> [krigen 23 septimber 2016]. Op it ynternet komt men de diagnoaze psychopaat wol tsjin om’t er sa ekstreem wie yn syn religieuze opfettingen.Under oaren op de webside fan de Hindu Human Rights - Londen <http://www.hinduhumanrights.info/the-saint-who-chopped-down-thors-sacred-tree/> [krigen 23 septimber 2016]. Hy hie de funksje fan abt yn Wessex en as biskop yn Utert wegere om te evangelisearjen. Dat foel ôf. Evangelisearjen barde doe noch yn ’t wylde wei. Dat makke foarút buorkjen ûnmooglik.Consuelo Maria Aherne, ‘Saint Boniface’, Encyclopedia Britannica, 2016 <https://www.britannica.com/biography/Saint-Boniface> [krigen 23 septimber 2016]; Hinne Wagenaar, ‘Boniface and the Frisian lands revisited: Outline of a precarious historical relationship’, Hinne Wagernaar: Teology yn Fryslân, 2006 <https://hinnewagenaar.frl/articles/boniface-and-the-frisian-lands-revisited/> [krigen 23 septimber 2016]. Mar dan wurdt de warlord Charles Martel—Karel de Hammer—de beskermer fan de religieuze fanatikus Bonifasius.Bonefasius skriuwt: “Sûnder de beskerming fan de prins fan de Franken kin ik noch it folk fan de tsjerke bestjoere, noch de prysters en klerken, mûntsen en nonnen ferdigenje; noch kin ik it útfieren fan heidenske riten en hillichskeinend oanbidden fan idoalen tefoaren komme sûnder syn mandaat en it ûntsach dat syn namme bringt.” Norman F. Cantor, The Civilization of the Middle Ages (New York 1993) 168. De paus stiet dêr fjouwerkant efter want dy hat in goeie bân mei de Franken nedich.

Mei Charles krijt de sinding fan Rome út stal as in militêre kriichstocht, al is der altyd in religieus aspekt.J.M. Wallace-Hadrill, ‘A background to St Boniface’s mission’, yn: Peter Clemoes en Kathleen Hughes (red.), England before the conquest: Studies in primary sources presented to Dorothy Whitelock (Cambridge 1971) 35-48, 39. Oars sein, de motiven fan Bonifasius meie religieus west hawwe, dy fan Charles en fan de tsjerke wiene polityk; it doel wie gewoan útwreidzjen fan it ryk.Cameron Cross, The Rhine and Barbarians Beyond, University of Chicago, 2002 <http://home.uchicago.edu/~ksalib/papers/Boniface.pdf> [krigen 23 septimber 2016]. Bonifasius krijt no by it jeien op heidenen militêre proteksje mei.Bernard S. Bachrach, Early Carolingian warfare: Prelude to empire (Philadelphia 2001) 34-35. Dat makket it mooglik om, mei in ploechje soldaten om him hinne,Hinne Wagenaar, ‘Boniface and the Frisian lands revisited: Outline of a precarious historical relationship’, Hinne Wagernaar: Teology yn Fryslân, 2006 <https://hinnewagenaar.frl/articles/boniface-and-the-frisian-lands-revisited/> [krigen 23 septimber 2016]. rêding te preekjen wylst er de ynheemske identiteit ferneatigetBenjamin Lieberman, Remaking identities: God, nation, and race in world history (Lanham [ensf.] 2013) 44. troch, skriuwt Willibald, de ynheemske hillichdommen plat te baarnen en kristlike op itselde plak te bouwen—kulturele genosideBenjamin Lieberman, Remaking identities: God, nation, and race in world history (Lanham [ensf.] 2013) 45.—en heidenen te deadzjen of te kerstenjen.‘Willibald: The life of St. Boniface’, Fordham University/Paul Halsall, 2000 <http://sourcebooks.fordham.edu/basis/willibald-boniface.asp> [krigen 23 septimber 2016], oarspronklike boarne C. H. Talbot, The Anglo-Saxon missionaries in Germany, Being the lives of SS. Willibrord, Boniface, Leoba and Lebuin together with the Hodoepericon of St. Willibald and a selection from the correspondence of St. Boniface (Londen/New York 1954); sjoch ek Michel Aaij, ‘Boniface's booklife: How the Ragyndrudis Codex came to be a Vita Bonifatii’, The Heroic Age, 2007 <http://www.heroicage.org/issues/10/aaij.html> [krigen 23 septimber 2016]. Hoefolle soldaten der nei Dokkum meigeane is net dúdlik, Willibald hat it oer “in pear maten”;‘Willibald: The life of St. Boniface’, Fordham University/Paul Halsall, 2000 <http://sourcebooks.fordham.edu/basis/willibald-boniface.asp> [krigen 23 septimber 2016], oarspronklike boarne C. H. Talbot, The Anglo-Saxon missionaries in Germany, Being the lives of SS. Willibrord, Boniface, Leoba and Lebuin together with the Hodoepericon of St. Willibald and a selection from the correspondence of St. Boniface (Londen/New York 1954). mar it leit foar de hân dat de ploech grut west hat, mear as fiifentritich persoanen.Barry McWilliams, ‘The legends of Bishop Boniface of Mainz’, 2003 <http://www.eldrbarry.net/mous/saint/bonfmain.htm> [krigen 23 septimber 2016]. De standertkennis dat Bonifasius yn Dokkum in fijanlik swurd ôfkearde mei in bibel is fêstlein yn de alfde ieu, mar Bonifasius sil in swurd beetholden hawwe, ommers hy wurdt altyd, behalven yn Dokkum, ôfbylde mei in swurd.Michel Aaij, ‘Boniface’s booklife: How the Ragyndrudis Codex came to be a Vita Bonifatii’, The Heroic Age, 2007 <http://www.heroicage.org/issues/10/aaij.html> [krigen 23 septimber 2016]. It giet, al mei al, om in foar in part militêre ekspedysje sadat der sprake is fan sneuveljen. Net fan moard.

Mar wat der barde dêr by Dokkum yn 754 is net bekend. It kinne lilke Friezen west ha dy’t mienden dat se legitym hannelen om’t Bonifasius har hillige plakken ferneatige hie, it kin in rôversbinde west ha, of sels in Frankyske gearspanning.Michel Aaij, ‘Boniface’s booklife: How the Ragyndrudis Codex came to be a Vita Bonifatii’, The Heroic Age, 2007 <http://www.heroicage.org/issues/10/aaij.html> [krigen 23 septimber 2016]. “Gjin wapens!” en alle oare ferzjes fan lêste wurden fan Bonifasius binne fiktyf, want wy witte it net en boppedat waard Bonifasius by Dokkum in fiktyf personaazje, oftewol in hillige, lykas Sinterklaas; symboal ferfong feit. Wol bekend is dat ek dizze missy mislearre. Fedde Schurer kin it moai fertelle yn syn toanielstik Bonifatius—dat dy de Friezen út har heidenske ôfsûndering nei de wrâldwide kristlike mienskip late—mar de Friezen bleaune aardich heidensk en de opstân tsjin Karel de Grutte yn 793 brocht in oplibjen fan de heidenske religy.David Kuijt, ‘New army list: Danish Frisia and Early Low Countries', vBulletin, 2000-2016 <http://www.fanaticus.org/discussion/archive/index.php?t-15358.html> [krigen 23 septimber 2016].

In iik giet dea! It nijs helle The Washington Post, net bepaald it sufferdsje fan de Feriene Steaten. De iik is seishûndert jier âld, yn 1717 bouden boeren der in tsjerke neist en om beam en tsjerke hinne groeide in doarp. Beammen libje langer as minsken, dus sjogge wy se as permanint, as folhâlders, as wiisheid, lit de The Post in beamekspert útlizze.Amy Ellis Nutt, ‘The oldest white oak tree in the country is dying — and no one knows why’, Washington Post, 27 juny 2016 <https://www.washingtonpost.com/national/health-science/a-town-tries-to-care-for-and-let-go-of-its-oldest-resident--a-600-year-old-oak/2016/06/27/a7fc4dcc-3a1a-11e6-8f7c-d4c723a2becb_story.html> [krigen 23 septimber 2016]. Dat is in simpele ferklearring foar wêrom’t wy hâlde fan beammen, folle mear as fan martelders dy’t—ôfsjoen fan it feit dat se in grutter risiko as beammen rinne op it begean fan kulturele genosides—altyd har bêst dwaan moatte om dea te gean. Martelders binne per definysje lijers en losers.

Jo begripe dêrom net wêrom’t de Kulturele Haadstêd, troch de kar foar dit fonteinûntwerp, Bonifasius op it aljemint bringt. Al hielendal net om’t de lieder fan it fonteinprokjekt, Anna Tilroe, alle kleuren fan it rassespektrum op har fonteinûntwerperslistke fertsjintwurdige ha wol. Se woe perfoarst in swarte man út Afrika, dat dy Kameroenees yn België wennet makke net út, se wol perfoarst in Sinees, dat de earste in New Yorker is makke ek net út en dat nûmer twa in Parisienne is noch minder. It giet om it symboal, om de global branding, lykas by de United Colors of Benetton. Mar tusken har rasiaal-diverske New Yorkers en Parisiennes kinne wol ris lju sitte dy’t gjin kristenen binne, dy’t it fromme kristendom dêrom mooglik ferspijt as heidenen, bygelyks keunstner Cai Guo-Qiang is in bûddist en Abramović in ateïst dy’t neat ha moat fan religy, en dy heakje dan eventueel ôf. En de Kulturele Haadstêd sil dan, mei wissens, suggerearje dat it oan harren net lei.‘Ontwerper Hylper fontein trekt zich terug’, Leeuwarder Courant, 1 july 2016, 34; ‘06.0 Raadsinformatiebrief 11Fountains’, Gemeente Harlingen, nr. GR16.00095, 23 juny 2016 <http://www.harlingen.nl/document.php?m=95&fileid=45724&f=ca55b038b37c059f2225d04eeedec2a0&attachment=1&c=33038> [krigen 23 septimber 2016]: “Nadat de eerste kunstenaar (Marina Abramovic) om gezondheidsredenen heeft afgezegd kon helaas kon de tweede kunstenaar (Yinka Shonibare) om fysieke reden ook niet naar Harlingen komen.”

Noaten

  1. ‘Schetsontwerp IJsfontein Dokkum bekend’, De Architect, 24 septimber 2015 <http://www.dearchitect.nl/nieuws/2015/09/24/schetsontwerp-bekend-voor-ijsfontein-dokkum.html> [krigen 23 septimber 2016].
  2. Nicola Smith, ‘Dutch tourist faces two years in Burmese jail for pulling plug on Buddhist sermon’, The Telegraph, 4 oktober 2016 <http://www.telegraph.co.uk/news/2016/10/04/dutch-tourist-faces-two-years-in-burmese-jail-for-pulling-plug-o> [krigen 4 oktober 2016].
  3. ‘Aanpassingen IJsfontein Dokkum mogelijk’, Nieuwe Dockumer Courant, g.d. <http://www.nieuwedockumercourant.nl/gemeentenieuws/43746/aanpassingen-ijsfontein-dokkum-mogelijk/> [krigen 23 septimber 2016].
  4. James Harvey Robinson (red.), Readings in European history, 1 (Boston [ensf.] 1904) 106-107.
  5. Consuelo Maria Aherne, ‘Saint Boniface’, Encyclopedia Britannica, 2016 <https://www.britannica.com/biography/Saint-Boniface> [krigen 23 septimber 2016].
  6. Benjamin Lieberman, Remaking identities: God, nation, and race in world history (Lanham [ensf.] 2013) 45.
  7. In grut konflikt ûntstie bygelyks doe’t aartsbiskop Willibrord Winfrid frege om biskop neist him yn Utert te wurden en Winfrid wegere. Sjoch bygelyks Hinne Wagenaar, ‘Boniface and the Frisian lands revisited: Outline of a precarious historical relationship’, Hinne Wagernaar: Teology yn Fryslân, 2006 <https://hinnewagenaar.frl/articles/boniface-and-the-frisian-lands-revisited/> [krigen 23 septimber 2016].
  8. Consuelo Maria Aherne, ‘Saint Boniface’, Encyclopedia Britannica, 2016 <https://www.britannica.com/biography/Saint-Boniface> [krigen 23 septimber 2016].
  9. Under oaren op de webside fan de Hindu Human Rights - Londen <http://www.hinduhumanrights.info/the-saint-who-chopped-down-thors-sacred-tree/> [krigen 23 septimber 2016].
  10. Consuelo Maria Aherne, ‘Saint Boniface’, Encyclopedia Britannica, 2016 <https://www.britannica.com/biography/Saint-Boniface> [krigen 23 septimber 2016]; Hinne Wagenaar, ‘Boniface and the Frisian lands revisited: Outline of a precarious historical relationship’, Hinne Wagernaar: Teology yn Fryslân, 2006 <https://hinnewagenaar.frl/articles/boniface-and-the-frisian-lands-revisited/> [krigen 23 septimber 2016].
  11. Bonefasius skriuwt: “Sûnder de beskerming fan de prins fan de Franken kin ik noch it folk fan de tsjerke bestjoere, noch de prysters en klerken, mûntsen en nonnen ferdigenje; noch kin ik it útfieren fan heidenske riten en hillichskeinend oanbidden fan idoalen tefoaren komme sûnder syn mandaat en it ûntsach dat syn namme bringt.” Norman F. Cantor, The Civilization of the Middle Ages (New York 1993) 168.
  12. J.M. Wallace-Hadrill, ‘A background to St Boniface’s mission’, yn: Peter Clemoes en Kathleen Hughes (red.), England before the conquest: Studies in primary sources presented to Dorothy Whitelock (Cambridge 1971) 35-48, 39.
  13. Cameron Cross, The Rhine and Barbarians Beyond, University of Chicago, 2002 <http://home.uchicago.edu/~ksalib/papers/Boniface.pdf> [krigen 23 septimber 2016].
  14. Bernard S. Bachrach, Early Carolingian warfare: Prelude to empire (Philadelphia 2001) 34-35.
  15. Hinne Wagenaar, ‘Boniface and the Frisian lands revisited: Outline of a precarious historical relationship’, Hinne Wagernaar: Teology yn Fryslân, 2006 <https://hinnewagenaar.frl/articles/boniface-and-the-frisian-lands-revisited/> [krigen 23 septimber 2016].
  16. Benjamin Lieberman, Remaking identities: God, nation, and race in world history (Lanham [ensf.] 2013) 44.
  17. Benjamin Lieberman, Remaking identities: God, nation, and race in world history (Lanham [ensf.] 2013) 45.
  18. ‘Willibald: The life of St. Boniface’, Fordham University/Paul Halsall, 2000 <http://sourcebooks.fordham.edu/basis/willibald-boniface.asp> [krigen 23 septimber 2016], oarspronklike boarne C. H. Talbot, The Anglo-Saxon missionaries in Germany, Being the lives of SS. Willibrord, Boniface, Leoba and Lebuin together with the Hodoepericon of St. Willibald and a selection from the correspondence of St. Boniface (Londen/New York 1954); sjoch ek Michel Aaij, ‘Boniface's booklife: How the Ragyndrudis Codex came to be a Vita Bonifatii’, The Heroic Age, 2007 <http://www.heroicage.org/issues/10/aaij.html> [krigen 23 septimber 2016].
  19. ‘Willibald: The life of St. Boniface’, Fordham University/Paul Halsall, 2000 <http://sourcebooks.fordham.edu/basis/willibald-boniface.asp> [krigen 23 septimber 2016], oarspronklike boarne C. H. Talbot, The Anglo-Saxon missionaries in Germany, Being the lives of SS. Willibrord, Boniface, Leoba and Lebuin together with the Hodoepericon of St. Willibald and a selection from the correspondence of St. Boniface (Londen/New York 1954).
  20. Barry McWilliams, ‘The legends of Bishop Boniface of Mainz’, 2003 <http://www.eldrbarry.net/mous/saint/bonfmain.htm> [krigen 23 septimber 2016].
  21. Michel Aaij, ‘Boniface’s booklife: How the Ragyndrudis Codex came to be a Vita Bonifatii’, The Heroic Age, 2007 <http://www.heroicage.org/issues/10/aaij.html> [krigen 23 septimber 2016].
  22. Michel Aaij, ‘Boniface’s booklife: How the Ragyndrudis Codex came to be a Vita Bonifatii’, The Heroic Age, 2007 <http://www.heroicage.org/issues/10/aaij.html> [krigen 23 septimber 2016].
  23. David Kuijt, ‘New army list: Danish Frisia and Early Low Countries', vBulletin, 2000-2016 <http://www.fanaticus.org/discussion/archive/index.php?t-15358.html> [krigen 23 septimber 2016].
  24. Amy Ellis Nutt, ‘The oldest white oak tree in the country is dying — and no one knows why’, Washington Post, 27 juny 2016 <https://www.washingtonpost.com/national/health-science/a-town-tries-to-care-for-and-let-go-of-its-oldest-resident--a-600-year-old-oak/2016/06/27/a7fc4dcc-3a1a-11e6-8f7c-d4c723a2becb_story.html> [krigen 23 septimber 2016].
  25. ‘Ontwerper Hylper fontein trekt zich terug’, Leeuwarder Courant, 1 july 2016, 34; ‘06.0 Raadsinformatiebrief 11Fountains’, Gemeente Harlingen, nr. GR16.00095, 23 juny 2016 <http://www.harlingen.nl/document.php?m=95&fileid=45724&f=ca55b038b37c059f2225d04eeedec2a0&attachment=1&c=33038> [krigen 23 septimber 2016]: “Nadat de eerste kunstenaar (Marina Abramovic) om gezondheidsredenen heeft afgezegd kon helaas kon de tweede kunstenaar (Yinka Shonibare) om fysieke reden ook niet naar Harlingen komen.”

Foaropwurd 2.14

Fers2, 25 septimber 2016

It KH-Oerlibbingspakket foar Keunst II: Logo

image

We made it: the 11 artists for the 11 fountains in the 11 cities of Friesland are complete.” Sa kopte de Stichting Kulturele Haadstêd 2018 yn maart dit jier.Stichting Kulturele Haadstêd, ‘Project news. 11 artists from 11 countries design 11 fountains in 11 Frisian cities’, 7 maart 2016 <http://www.2018.nl/en/nieuws/project-news-11-artists-from-11-countries-design-11-fountains-in-11-frisian-cities> [krigen 20 septimber 2016]. Doch gjin war te begripen wat der feitlik stiet. Etisy witte net wat it is dat de minske ta in ‘complete being’ makket. Estetisy net wat in keunstner ta in ‘complete artist’ makket. Beide dissiplines sille der net fan oertsjûge wêze dat de kulturele haadstêd in rol spilet yn it kompletearjen, fan minske noch keunstner. En al yn ’e earste sin docht bliken dat it Ingelsk fan de stichting ûngelokkige hakmak is. Mar it berjocht beslút mei in list fan alve fonteinûntwerpers: se sille bedoeld ha dat it nammelistke kompleet wie—mienden se.

Op 1 july waard bekend dat ûntwerper Cai Guo-Qiang—jakrekt, de buskrûtman!—him út it fonteinprojekt 11Fountains weromluts. Hy koe, neffens 11Fountains, gjin foarm fine dy’t yn syn oeuvre likegoed as yn it histoarysk byld fan de stêd Hylpen paste.‘Ontwerper Hylper fontein trekt zich terug’, Leeuwarder Courant, 1 july 2016, 34. Wat alderearst opfalt is dat de Ljouwerter Krante of 11Fountains, of beide, de namme fan dizze dochs wrâldferneamde keunstner, in Golden Lionwinner fan de Biennale fan Feneesje en in gruttere ûnderskieding is der net, misstaverje as Cao. Dat bart opnij, in typo is it dêrom net. Nee, se kenden de keunstner net en wiene te beroerd om efkes op it ynternet te sjen. Hiene se dat dien dan hiene se witten dat Cai oan it plak bûne wurken makket ynspirearre troch aktuele sosjale issues. 11Fountains—net trochinoar te heljen mei de 9/11 Fountain—oan de oare kant, is in projekt rjochte op Fryslân-branding. It doel is om de Fryske stêden toeristysk te ferbinen “in a unique journey”, oan te setten ta kultureel toerisme en Fryslân sjen te litten as ynternasjonale koprinner yn wettertechnology.Stichting Kulturele Haadstêd, ‘Project news. 11 artists from 11 countries design 11 fountains in 11 Frisian cities’, 7 maart 2016 <http://www.2018.nl/en/nieuws/project-news-11-artists-from-11-countries-design-11-fountains-in-11-frisian-cities> [krigen 20 septimber 2016]. Dus wat moat in man as Cai hjir? Ein septimber is er yn Maastricht, dat gjin kulturele haadstêd wurden is en wol niget hat oan keunst. Dêr’t se syn namme skriuwe kinne.

Op 3 july is der in nijs-update op de Kulturele Haadstêdside, mar gjin “oops, the 11 artists are incomplete.” In reade trie troch de kranteberjochten en tweets fan Anna Tilroe, artistyk direkteur en inisjatyfnimmer fan 11Fountains, is dat hja gjin noed hat. Dy fonteinen komme der wol,Rob Leemhuis, ‘‘In het najaar moet er een go zijn’’, Leeuwarder Courant, 19 april 2016, 28. makket net út dat se hjir en dêr in fonteinûntwerper ûntmoediget. Want dat Tilroe de veto-er is is dúdlik;‘Ontwerper Hylper fontein trekt zich terug’, Leeuwarder Courant, 1 july 2016, 34. net wa’t de ûntwerpers byinoar siket—hoewol’t it samar kin dat 11Fountains en Anna Tilroe deselde binneRob Leemhuis, ‘‘In het najaar moet er een go zijn’’, Leeuwarder Courant, 19 april 2016, 28; Rob Leemhuis, ‘Chinese fontein in een IJsselmeerstadje’, Leeuwarder Courant, 22 september 2016.—of wêrom’t of hoe’t se fuortgean. De kontekst fan it weromlûken fan Pascale Tayou, ien fan de fjouwer ôfheakers, is noch altyd dizich. Tayou soe de fontein yn Warkum meitsje. Hy wie hast de iennichste fonteinûntwerper foar de Kulturele Haadstêd dy’t al ris wetterjende bylden makke hat. It giet om de byldegroep ‘Tayouken Piss/Les pisseurs d’Amsterdam’, seis neakene manlju, modellearre nei it liif fan de keunstner, dy’t stean te migen. Makke foar Open Source Amsterdam 2009 wûnen se in strjitkeunstpriis en binne no in kulturele hotspot yn de Bijlmer yn Amsterdam. Mar blykber sei Tilroe nee, al wiist se deitoerisme nei keunstwurken hielendal net ôf, al ‘fielt se in groeiend besef’ dat alve ‘keunstwurken’ Fryslân takomst jaan kinne. “Als er één categorie toeristen Friesland nog links laat liggen, is het wel de culturele toerist, en juist die brengen relatief veel geld in het laatje.”Rob Leemhuis, ‘‘In het najaar moet er een go zijn’’, Leeuwarder Courant, 19 april 2016, 28.

Dêrom, dus om in eventuele antytoerisme/antytilroestimming yn ’e kym te smoaren, binne saneamde fonteinkommisjes ynsteld. Foar alle dúdlikens: by fonteinûntwerp giet it hjir om iepenbiere romte­dekoraasje dêr’t wetter oan taheakke wurde kin; fonteinûntwerpers dy’t út it wetter wei in fontein betinke sa’t Jean Beausire dat ea die, binne by Tilroe net de bedoeling want hja wol ‘artists’, sa te sjen yn ’e deistige betsjutting fan it wurd lykas yn ‘artyste-yngong’, dus lju dy’t wurkje yn de entertainment business. De fonteinkommisjes no, dy besteane út bewenners, mar oft dy bewenners politisy, bestjoerders of ûndernimmers binne—faak slim oerlaapjende groepen—of net, dat komt de boarger net te witten út de kranten en KH2018-reklame—in net minder oerlaapjende groep. De offisjele taak fan de fonteinkommisjes is om in gaadlik plak foar de fontein oan te wizen. De offisjeuze is om it draachflak foar de fonteinen ûnder de boargers te fersterkjen.Sander van Walsum, ‘De meeste steden in Nederland zijn eigenlijk dorpen’, De Volkskrant, 19 febrewaris 2016, <http://www.volkskrant.nl/opinie/de-meeste-steden-in-nederland-zijn-eigenlijk-dorpen~a4247614/> [krigen 20 septimber 2016]. Yn Dokkum roppe boargemaster en gemeenterie de boargers op om op de gemeente­webside in reaksje te jaan op it fonteinûntwerp. Want de ‘mienskip’ krijt de fontein dan wol kado fan de stichting Kulturele Haadstêd, mar net de ynrjochtingskosten fan ’e iepenbiere romte en net de bedriuws- en ûnderhâldskostenRob Leemhuis, ‘Onderhoud elf fonteinen is nog pittige uitdaging’, Leeuwarder Courant, 19 maaie 2016, 34.—dy’t heech binne; nei de ekonomyske krisis hawwe de Pisseurs jierrenlang net pisse. Alle reden foar de boargers om it jûne hynder djip yn ’e bek te sjen. It byld fan it Trojaanske hynder twingt him oan harren op, in ymmins keunstwurk efterlitten op it strân, dat de stêd foargoed ferneatigje soe: it wie gjin keunstwurk.

Tilroe, en yn har gefolch alle media, sprekke oangeande de fonteinen konsekwint oer keunstwurken en keunstners.Sichting Kulturele Haadstêd op har offisjele kanaal http://www.2018.nl/ , ûnder mear: “11Fountains: Een beeldend-kunstproject”, “Fonteinkunstwerk”, “wordt een nieuwe kunstenaar gezocht”, “their artist”, “the artists”, “elk een eigen unieke fontein”, “kunstenaar Jaume Plensa.” Mar hast sûnder útsûndering giet it by grutte oanbestegingen yn de iepenbiere romte om ûntwerpstudio’s foar ‘opwurdearring’ fan de iepenbiere romte. Yn 1999 beskreau Naomi Klein al hoe’t kultuer plak makke foar marketing en hoe’t fûle bedriuwsoarloggen fierd waarden om de yndividuele en publike romte.Naomi Klein, No logo: Taking aim at the brand bullies (Toronto/New York, 1999) 25-139. Troch de finansjele spanning yn de jierren santich koene stêden net efter bliuwe mei selspromoasje. Wilens groeide de wrâldwide toeristeyndustry en no binne wy yn in situaasje dêr’t toeristemarketingburo’s en city branding consultants, hân yn hân mei de oerheid, in op de toerist en attraksje rjochte, folsleine kontrôle hawwe oer de publike romte. Earst kinne jo dêr net samar in keunstner yn sette, want dan krije jo eksploazjes, migende manlju of oare net-marketinggefoelige objekten. Twad sjogge keunstners keunst net as attraksje. Doe’t it keunstwurk ‘Orbit’ fan Anish Kapoor, in grutte toer, ferlies late woe de boargemaster der in glydbaan oan fêst meitsje. “Ze maakten er een attractie van, wat dat ook in godsnaam moge zijn. Het is een kunstwerk. ... Na enig denken, besefte ik dat glijbanen niet mijn ding zijn.”Titia Ketelaar, ‘Fantastisch: ik hang naast Rembrandt: Interview Anish Kapoor’, NRC Handelblad, 26 novimber 2015, C2-3.

Ferfolch

¡ Lês ek !

Ljouwerter Kulturele Haadstêdfontein is gjin keunst mar kopy

image

Simpel ynternetsykjen smyt in skerm op fol identike reuseftige hollen.

Friduwih Riemersma, Friesch Dagblad, 24 septimber 2016.

It ûnderskied tusken keunst en net-keunst is net dat it út in studio komt. In kollosaal keunstwurk fan de Thomas Heatherwick Studio leit ûnder fjoer just om’t it in kommersjele funksje mist.Hudson Yards, ‘Introducing the Vessel’, 14 septimber 2016 <https://www.youtube.com/watch?v=OLG3uTmceCE> [krigen 20 septimber 2016]. It is ynteger en boppedat unyk. Mar hoe unyk binne de fonteinen? Om te begjinnen moatte se nei inoar ferwize want se binne in diel fan in ‘keunstrûte’.Jitze Hooghiemstra, ‘Fontein CH2018 vermoedelijk op Breedeplaats in Franeker’, Franeker Courant, 06 july 2016 <http://www.franekercourant.nl/nieuws/59246/fontein-ch2018-vermoedelijk-op-breedeplaats-in-franeker/> [krigen 20 septimber 2016]. Dat lit romte foar eigenheid, ôfhinklik fan de ûntwerper. Mar fonteinûntwerper Mark Dion hat al hiel wat libbensechte deade fisken makke,Sjoch bygelyks de webside fan Galerie in situ, Parys. plus in polulêre attraksje: in gigantyske seefûgel mei deselde Disney-look as syn fisk-fontein. De fonteinkommisje fan Starum hat dy fisk in plak neist de fiskkream tawiisd, dat mei de kommersjele funksje sit it wol goed. Fontein­ûntwerper Birthe Leemeijer hat earder tulpebollen struit en yn Dokkum wol se 52 iken plantsje litte. Dat is foar de ûntwerper sels faaks yn unike stap, fan de bol nei de beam, mar oan ’e publykskant binne in bosk tulpen noch iken unyk. Acht fan de alve ûntwerpers “have visited their cities and returned, totally inspired, to their studios”Stichting Kulturele Haadstêd, ‘Project news. 11 artists from 11 countries design 11 fountains in 11 Frisian cities’, 7 maart 2016 <http://www.2018.nl/en/nieuws/project-news-11-artists-from-11-countries-design-11-fountains-in-11-frisian-cities> [krigen 20 septimber 2016]. en wat se dêr dogge witte wy noch net. En dan is der Jaume Plensa.

Plensa hat earder it dekor foar in fontein ûntwurpen, de Crown Fountain foar it Millennium Park yn Chicago. Al wurdt de fontein priizge as keunstobjekt, hy is benammen simmerdeis hiel populêr: as it wetter oanstiet, om de ferdivedaasje dy’t it swimbad derneist biedt. Under de fontein dy’t Plensa foar Ljouwert ûntwurp—en dy’t lykas alle oare fonteinen yn ús klimaatsône om befriezing tefoaren te kommen fan hjerst oant maityd gjin wetter jaan sil—kin net swommen wurde. Mar makket dat it keunst? “Plensa collects heads,” seit de Chicago Tribune.Christopher Borrelli, ‘Inside artist Jaume Plensa’s giant Millennium Park sculptures’, Chicago Tribune, 17 juny 2014 <http://www.chicagotribune.com/entertainment/chi-jaume-plensa-heads-millennium-park-20140616-column.html> [krigen 20 septimber 2016]. Dat mei sa wêze, mar wêr’t wy yn it foarste plak mei te meitsjen hawwe is dat Plensa hollen struit. Behalven de fjouwer dreamerige jongefamkeshollen—“It’s a moment when the girls are not kids anymore but they are not yet women”Kyle MacMillan, ‘Spanish artist Jaume Plensa sends four heads to Chicago’, The Wall Street Journal, 13 juny 2014 <http://www.wsj.com/articles/spanish-artist-jaume-plensa-sends-four-heads-to-chicago-1402693732> [krigen 20 septimber 2016].—yn it Millennium Park fine of fûnen jo yn Calgary, Botafogo Beach yn Rio de Janeiro, ArtZuid Sculpture Park yn Amsterdam, Regent’s Park yn Londen, Yorkshire Sculpture Park en St. Helens yn Ingelân, Madison Square Park yn New York, Lincoln en op allegearre oare plakken de hollen fan Duna, Chloe, Paula, Laura, Inez, Dream, Echo, Nuria, Irma, Humming en hoe’t hja fierder hite. Harren hichte fariearret fan trijeenheale oant tolve meter, guon binne fan wite akrylhars en oaren fan jitizer, mar fierder binne se unifoarm. Net oars as dat Coca Cola it docht ferspriedt Plensa syn bedriuwslogo oer de ierde; neat is fierder fan unisiteit as dy hollen. By alle ûndúdlikens om de kulturele haadstêd hinne wit gjinien oft 11Fountains himsels foar de gek hâldt of ús, mar dit is wis: Plensa’s hollen binne absolút gjin keunst.

Noaten

  1. Stichting Kulturele Haadstêd, ‘Project news. 11 artists from 11 countries design 11 fountains in 11 Frisian cities’, 7 maart 2016 <http://www.2018.nl/en/nieuws/project-news-11-artists-from-11-countries-design-11-fountains-in-11-frisian-cities> [krigen 20 septimber 2016].
  2. ‘Ontwerper Hylper fontein trekt zich terug’, Leeuwarder Courant, 1 july 2016, 34.
  3. Stichting Kulturele Haadstêd, ‘Project news. 11 artists from 11 countries design 11 fountains in 11 Frisian cities’, 7 maart 2016 <http://www.2018.nl/en/nieuws/project-news-11-artists-from-11-countries-design-11-fountains-in-11-frisian-cities> [krigen 20 septimber 2016].
  4. Rob Leemhuis, ‘‘In het najaar moet er een go zijn’’, Leeuwarder Courant, 19 april 2016, 28.
  5. ‘Ontwerper Hylper fontein trekt zich terug’, Leeuwarder Courant, 1 july 2016, 34.
  6. Rob Leemhuis, ‘‘In het najaar moet er een go zijn’’, Leeuwarder Courant, 19 april 2016, 28; Rob Leemhuis, ‘Chinese fontein in een IJsselmeerstadje’, Leeuwarder Courant, 22 september 2016.
  7. Rob Leemhuis, ‘‘In het najaar moet er een go zijn’’, Leeuwarder Courant, 19 april 2016, 28.
  8. Sander van Walsum, ‘De meeste steden in Nederland zijn eigenlijk dorpen’, De Volkskrant, 19 febrewaris 2016, <http://www.volkskrant.nl/opinie/de-meeste-steden-in-nederland-zijn-eigenlijk-dorpen~a4247614/> [krigen 20 septimber 2016].
  9. Rob Leemhuis, ‘Onderhoud elf fonteinen is nog pittige uitdaging’, Leeuwarder Courant, 19 maaie 2016, 34.
  10. Sichting Kulturele Haadstêd op har offisjele kanaal http://www.2018.nl/ , ûnder mear: “11Fountains: Een beeldend-kunstproject”, “Fonteinkunstwerk”, “wordt een nieuwe kunstenaar gezocht”, “their artist”, “the artists”, “elk een eigen unieke fontein”, “kunstenaar Jaume Plensa.”
  11. Naomi Klein, No logo: Taking aim at the brand bullies (Toronto/New York, 1999) 25-139.
  12. Titia Ketelaar, ‘Fantastisch: ik hang naast Rembrandt: Interview Anish Kapoor’, NRC Handelblad, 26 novimber 2015, C2-3.
  13. Hudson Yards, ‘Introducing the Vessel’, 14 septimber 2016 <https://www.youtube.com/watch?v=OLG3uTmceCE> [krigen 20 septimber 2016].
  14. Jitze Hooghiemstra, ‘Fontein CH2018 vermoedelijk op Breedeplaats in Franeker’, Franeker Courant, 06 july 2016 <http://www.franekercourant.nl/nieuws/59246/fontein-ch2018-vermoedelijk-op-breedeplaats-in-franeker/> [krigen 20 septimber 2016].
  15. Sjoch bygelyks de webside fan Galerie in situ, Parys.
  16. Stichting Kulturele Haadstêd, ‘Project news. 11 artists from 11 countries design 11 fountains in 11 Frisian cities’, 7 maart 2016 <http://www.2018.nl/en/nieuws/project-news-11-artists-from-11-countries-design-11-fountains-in-11-frisian-cities> [krigen 20 septimber 2016].
  17. Christopher Borrelli, ‘Inside artist Jaume Plensa’s giant Millennium Park sculptures’, Chicago Tribune, 17 juny 2014 <http://www.chicagotribune.com/entertainment/chi-jaume-plensa-heads-millennium-park-20140616-column.html> [krigen 20 septimber 2016].
  18. Kyle MacMillan, ‘Spanish artist Jaume Plensa sends four heads to Chicago’, The Wall Street Journal, 13 juny 2014 <http://www.wsj.com/articles/spanish-artist-jaume-plensa-sends-four-heads-to-chicago-1402693732> [krigen 20 septimber 2016].

Foaropwurd 2.13

Fers2, 11 septimber 2016

It KH-Oerlibbingspakket foar Keunst I: Ald nijs

image
Andy Komoll, ‘Friesland IV’

De fytsers keutelen oer de dyk. It wie hyt en blakstil. Se hongen slop nei ûnderen en dêrom hiene wy it earst net yn ’e gaten, mar dêr wiene se: de Veilig Verkeerspandoeken “De skoallen binne wer begûn.” No moai. Wy witte al lang better as dat ûnderwiis lotter ekonomysk nut hat. Ek de sosjale opbringsten binne grut, foar de minske en de maatskippij, want de ûnderwiisde minske kin him better rêde yn it libben. Dat dat in enoarme winst betsjut foar de maatskippij hoege wy net út te lizzen. Wy wisten ek al lang dat op dyselde hite middei de lingte fan ’e rigen foar de ynskriuwbaaljes fan de universiteit mei-inoar wol tritich meter lang wêze soene en allochtoan fan kleur. Want wy Nederlanners kinne net sûnder ekstra ûnderwiis, mar de oaren binne sa sosjaal, dy rêde har mei ateneum ek bêst, dus har ynskriuwing moat wol in fersin wêze. Mar dêr giet it net om—dy spandoeken: wat dogge dy dêr eins?

Banieren binne in bûtengewoan populêre trend. Se binne koste-effektyf: goedkeap te meitsjen, maklik te transportearjen, ienfâldich en dus spotgoedkeap op te hingjen. Fleurich en beweeglik lûke se it omtinken, bewust mar ek ûnbewust, ek, of just, yn hiele drokke iepenbiere romtes. Se binne fisuele beakens, by steat om minsken troch de strjitten nei de ‘event’ ta te loadsen sûnder dat it publyk him ôfliede lit troch it gewoane libben. Flagge-eftige uteringen wurde ommers altyd assosjearre mei spannende ferdivedaasje. In hast noch wichtiger reden dat sûnt in pear jier reklamekampanjes en allerhanne foarmen fan promoasje spandoeken brûke is dizze. Spandoeken hawwe in oare funksje as úthingboerden of neonreklame; flaggen, banieren en spandoeken betsjutte partisipaasje. De skoallen binne wer begûn en wy dogge mei!

Ferfolch

Technical alpha

Mei oare wurden: Neat docht it hjirre!

image

Fers2 gie de technical apha-testfaze yn om in oere as acht justerjûn, hat gjin sekonde offline west, mear om’t wy net wisten hoe’t dat moast as dat der in plan efter siet, en wilens soene wy in moai ferhaal ophingje. Oer ‘rebranding!’ en ‘generaasjewiksel!’—of ‘transysjeproses!’, in gjalp dêr’t Ensafh in aardige som mei loskrigen hat by de provinsje—hawar, jo kenne it rippertwaar. Dat is allegearre net bard dus, bêste lêzer, dêrom pleatse wy de technical alpha no sa werom foar jo. Neat-docht-it-emails kinne nei ynfo@fers2.eu (NB. inkeld oan Fers2 wy kinne wy wat ferbetterje, oan ’e rêst fan it libben net).

De noasjes fan sichtberens en de strategyske ynrjochting fan de iepenbiere romte lizze sintraal yn de keunstkrityk (net yn Fryslân, mar wanhoopje net want “in Fryslaand komt alles n bitsy laater” plachtet ús mem te sizzen). De sosjale, engazjearre, praksisside fan dy keunstkrityk brûkt dêrfoar it konsept spektakel (alwer: net yn Fryslân en somtiden seit ús mem fan “wel twee bitsys laater”). Hoe’t artistike en politike motivaasjes mei inoar ferbûn binne is de kearnkwestje (heden nee, net yn Fryslân, mar ús mem hellet no de skouders op). Spektakel betsjut dat ús neoliberalistyske, heechkapitalistyske maatskippij as in spûns it hiele byldrepertoire opsûgd hat. Keunst tsjinnet, nee, keunst is kommersje. Wat op ’e dyk stiet is marketing. Dat bringt ûnder oaren mei him mei dat keunst ta objekten redusearre wurdt—sa ken Fryslân gjin literatuerpromoasje mar boekpromoasje—de keunstner ta in passyf ikoan sûnder agency en it publyk ta passive, oftewol finansjele partisipaasje. It makket dat ûnkritysk technology tapassen it plak ynnimt fan keunstsinnige, sykjende skepsis en dat it omtinken fan de repressive, populistyske planning fan ‘keunst’ ôflaat wurdt troch fisueel plesier—spandoeken.

“Frysk taal- en mediaspektakel Swalk fan Tresoar”, definiearret lanfantaal.nl de ‘event’. Tsjintwurdich is dat in pleonasme, media wurdt as synonym fan spektakel nommen. Blykber komt yn it Lân fan Taal ek alles wat letter. Mar nammerste dúdliker is it doel fan Swalk: taalreklame. Keunst is gjin ûnderwerp, dat is moai, dan hoege wy it der fierder net oer te hawwen. De oerheid, ek de Fryske, gedraacht him mear en mear as executives fan in kommersjeel bedriuw en útfieringsynstellingen lykas Tresoar dogge dat hielendal. Dat is âld nijs, net mear de muoite wurdich. Artistike prosessen binne dêr, op ’e Bûterhoeke, al lang lyn ferfongen troch standerdisearre prosessen, want al in ieu lang wurde managers oplaat neffens it dogma dat standerdisearring de doelmjittigens ferheget likegoed as de kwaliteit. Dat is antyk nijs. Mar wol nijsgjirrich om de effekten te sjen.

Standerdisearring, op it sosjale mêd de oplossing fan in koördinearringsprobleem, makket bygelyks dat de belutsen partijen de winst gelikens diele. Oangeande de Obe Postmapriis betsjut dat dat de oersetting fan David Copperfield fan Geart van der Meer net nominearre is. Hoe dat kin is net de fraach (it dat kin sa: Tsead Bruinja woe leafst himsels de oersetpriis jaan). De fraach is hoe’t it kin dat wylst yn Fryslân de winner altyd de publyksfavoryt wie, no ynienen de wrâldwide favoryt fan bern, al of net foarlêzende memmen, akademisy, skriuwers, filmmakkers en wa ek net, Copperfield, net allinne net wint, mar net iens nominearre is. Hoecht anno 2016, al hast 2018, de partij ‘publyk’ net langer yn de winst te dielen?

Spektakel is better behearsber—manageable—en standerdisearber as keunst. Dat bewize de 2018-fonteinen. Dy foarmje yn de alve stêden in ‘unyk konsept.’ Yn Starum komt in ‘megafisk.’ Yn Ljouwert komme twa koppen yn it gers te stean, ek ‘mega’ want de hichte fan sân meter is fier boppe de minsklike maat, mei wetter deromhinne. Yn Ljouwert moast dêrfoar de skulptuer Kinderen bouwen voort fan Van Everdingen romte meitsje, in figuratyf-modernistysk jewieltsje dat de keunstner har ekspresjonistyske kant sjen liet. Mar ja, wol echt keunst, spitich, en dêrneist ek mar mânselheech en lang net mega, hiel spitich. De bedoeling fan de fonteinen is besikers nei Fryslân te lokjen. De fonteinen hawwe dus itselde doel as spandoeken, flaggen en banieren: te lokjen en ferlieden. De fonteinen binne gjin keunst en de skeppers gjin keunstners. Keunstkritisy oeral yn ’e wrâld wize derop dat de spektaklisearring fan de sosjale romte it ûntwerperstype ‘grab the money & run’ fuortbrocht hat. It kin harren ommers neat skele hoe’t de iepenbiere romte efterbliuwt foar de bewenners en oare deistige brûkers derfan.

Sa slagje oerheden deryn om hieltyd mear hedonistyske romte ôf te beakenjen foar de klasse dy’t dat betelje kin. De hege bedriuwskosten, stroom en it kontinue ûnderhâld, binne it beruchte neidiel fan de easy city landscaping fan in bytsje wetter hjir en dêr. De potinsjele fonteinbesikers moatte dêrom net besykje; se moatte se besteegje. Neist pleasure places lykas de nije haven yn Holwert ferskine der spektakels dy’t samar in miljoen bedrage en it omtinken ôfliede fan wêr’t de iepenbiere romte fan Fryslân skriemend ferlet fan hat. In ljochtsspektakel op de Ofslútdyk sil 13 miljoen euro—plus in net neamd mar ûnûntwynber oantal deade fûgels—kostje: “Kunst moet voor meer bezoekers zorgen.” Foar dat bedrach kinne se trije offshore wynturbines fier fuort delsette en trije slim horizonfersmoargjende wynmûnen út de Iselmar weihelje.

Mar wacht, dat de minister wol 800 miljoen útlûke woe foar de renovaasje fan ’e dyk dy’t al jierren te leech en ûnfeilich is, mar dat hja primêr de belibbing fan de Ofslútdyk ferheegje woe foar in skiterige 13 miljoen en dêrfoar dy ljochtartyst oanwiisd hie, wie dochs ferline jier al bekend? Wêr ha wy it dan no oer? Wat op ’e dyk stiet is marketing. Oflieding. Ald nijs.

Foaropwurd 2.12

Fers2

Kultuerferlies X: De Koperative Utjowerij

of, Wêrom moatte wy 42 kilometer kuierje om dochs wer thús te kommen

image

It bekendmeitsjen fan de lêste winner fan de Gysbert Japicxpriis is Fryslâns lange termynûnthâld yngien troch it jaske fan de Tresoardirekteur & presintator fan dy jûn yn septimber 2015. Dat is spitich want fiif jier earder hie de winner, Koos Tiemersma, offisjeel oankundige dat er inkeld noch e‑boeken skriuwe soe. De arguminten dêrfoar wiene wat plat en it wie doe al bekend dat e‑lêzen net perfoarst ‘griener’ is as fan papier lêzen, wat it goede redenenrychje noch tinner makke,De opjûne redenen foar allinne e-publikaasje (en selsútjaan) binne dat it ferkeapsifer mei elk boek fan Tiemersma weromrûn en dat ophâlde mei skriuwen net koe want yn Tiemersma syn holle giene de boeken gewoan troch (Sietse de Vries, ‘Gysbertwinner Koos Tiemersma net yn boekwinkel te keap’, Leeuwarder Courant, 12 septimber 2015, 34.), “Hyltyd mear minsken hawwe in e-reader, en yn 2014 waard al sa'n 15% fan alle fiksje yn Nederlân ferkocht as e-book. Boppedat ha jo as skriuwer dan alles sels yn 'e hân” (Teake Oppewal, ‘Gysbert Japicxpriis 2015 foar Koos Tiemersma syn e-roman ‘Einum’’, Lezen voor de Lijst, 17 septimber 2015 <http://www.lezenvoordelijst.nl/zoek-een-boek/fries/home/weblog/2015/gysbert-japicxpriis-2015-foar-koos-tiemersma-syn-e-roman-'einum'/> [krigen 29 maaie 2016].) en “by neier ynsjoch dochs in paad sjen te finen as skriuwer yn de wrâld fan de nije media: frij fan papier, allinne e-books foar in skaplik pryske, los fan útjouwers, mei de nije skriuwersnamme Froon Akker en yn twa talen” (‘Koos Tiemersma’, Sirkwy, g.d. <http://www.sirkwy.nl/titel/236> [krigen 29 maaie 2016].). mar foar Fryslân wie it in dryst beslút. Krekt, it wie in Ollie B. Bommeljaske. Elkenien dy’t dêrom hope dat it haad fan de Gysbertsjuery yn Tom Poeskostúm opkomme soe, waard teloarsteld. Want se hie klean oan. Yn alle konsternaasje wit grif gjinien mear wat Tiemersma sei doe’t hy, de soi-disant prinsipjele e‑boekskriuwer fan Fryslân, de priis takend krige. In wiidweidich tankwurd hoecht net; tank hoecht hielendal net want gjinien freget om ’e Gysbert. Ekonoom Arnold Heertje, ferneamd om syn grouwélige hekel oan mono- en oligopoaljes, wie oanwêzich dus wa’t it tsjin it Fryske útjouwerswrâldsje opnimme woe wie yn in opmakke bêd marsjearre.Op freed 11 septimber 2015 krige âldheechlearaar Arnold Heertje—‘professor’ seine alle oankundigingen fan it evenemint, mar dat strykt net want Heertje wie 81 en al hiel lang mei emeritaat—it earste eksimplaar oanbean fan it kadoboek De ferjilder fan Marten Toonder. Heertje ferhiert himsels as sprekker foar allerhanne gelegenheden en dat sil de kar foar syn optreden ferklearje op de boekewike mei it tema Jild, of faaks it stive fersin dat ekonomy oer jild giet. Want yn syn ynaugurele rede by it oanfurdigjen fan it amt as bûtengewoan heechlearaar yn de Bommeliaanske ekonomy gie Heertje yn op Bommel as teoretysk ekonoom sa’t dy nei foaren komt út benammen De bovenbazen en dêrneist de Pasmunt en De windhandel, mar net De vergelder. De vergelder giet oer it automatisearre berekkenjen fan finansjele wearde. De dei nei de lêste ôflevering slút it NRC-Handelsblad De vergelder ôf mei in u-bocht werom nei de keunst: de ferjildmasine hat de poëzijbondel IJle mijmeringen ûnpublikabel makke. Mar De ferjilder giet net oer keunst. Bommels iennichste aventoer mei de keunst, yn de searje oer masterskilder Terpen Tijn, rint finansjeel en foar it prestiizje fan Bommel min ôf, mar foar de keunstner folle better. It is spitich dat Heertje gjin kâns krigen hat om dat mei it publyk te besprekken. Mar skriuwers by ’t soad hâlde har like fier fan teoretyske diskusjes oer wat keunst is as fan engaazjemint mei ús deistige keunstbeoefening en sa no en dan wint sa’n skriuwer. Bliuwt dy trou oan syn e‑ideaal dan post er in blanko kommentaar—no waard it de bekende striidrop fan antysemityske orizjine: “Hoera.”Tresoar Fries Historisch en Letterkundig Centrum, ‘Koos Tiemersma wint de Gysbert Japicxpriis 2015’, Youtube, 12 septimber 2015 <https://www.youtube.com/watch?v=gId1qX2olMc> [krigen 29 maaie 2016].

Hoe oars wie de speech fan Ursala K. Le Guin foar de takenning fan de National Book Award yn 2014! Le Guin, op dat stuit 85 en begûn mei skriuwen op har alfde, warskôget dat keunstners­kollektiven in needsaak binne:

[W]e will be wanting the voices of writers who can see alternatives to how we live now (...). Right now, I think we need writers who know the difference between the production of a market commodity and the practice of an art. (...) Letting commodity profiteers sell us like deodorant, and tell us what to publish and what to write. (Well, I love you too, darling.)‘Ursula K Le Guin’s speech at National Book Awards: ‘Books aren’t just commodities’’, The Guardian, 20 novimber 2014 <https://www.theguardian.com/books/2014/nov/20/ursula-k-le-guin-national-book-awards-speech> [krigen 29 maaie 2016].

Fryslân hie sa’n kollektyf fan skriuwers dat in alternatyf bea foar it for-profit-útjaan fan boeken, de Koperative Utjowerij (KU), fan 1970 oant 2007. No al njoggen jier net mear, mar dat is op himsels net frjemd. De Feriene Steaten hiene bygelyks yn 1884 Mark Twain syn koöperaasje mei hiel súksesfolle meidoggers en produktyf genôch en dochs gie dy binnen tsien jier fallyt. Syn bedriuwsmodel, de abonnemintútjouwerij, stammet út de santjinde ieu, mei útjeften spesjaal foar in befoarrjochte lêzer. Wurdt bedoeld in ûnôfhinklike maatskip dy’t útjout foar gewoane leden, lykas de Kristlik Fryske Folksbibleteek, dan hat as it misbeteart jild meastal de skuld. Mar de KU loste syn finansjele swierrichheden kreas op. It einige net mei in fallisemint. “[D]e sitewaasje is no dat der meardere útjouwerijen warber binne yn de Fryske literatuer. Kinst sizze dat ús wurk der op sit,” sei de lêste KU-foarsitter yn 2007.Ferklearring fan Piter Boersma, yn Gerbrich van der Meer, ‘KU stie iepen foar eigensinnichheid: Doek falt foar Koperative Utjowerij’, Friesch Dagblad, 29 augustus 2007 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=35695> [krigen 26 maaie 2016]. Ek dit is ynlústere troch Piter Boersma: “Friese Pers Boekerij, Bornmeer, AFUK, Frysk en Frij en het afvallige kind van de KU, Venus vechten vandaag de dag om manuscripten van Friese schrijvers, ook als het om minder rendabele maar belangwekkende literaire uitgaven gaat zoals poëzie. Dat is mee dankzij de KU toch maar bereikt, haar taak is volbracht.” Pieter de Groot, ‘'Taak Koperative Utjouwerij volbracht’, Leeuwarder Courant, 11 augustus 2007, 14. De direkte reden foar it opheffen fan de KU is dat foarsitter Piter Boersma gjin frijwilligers mear fine kin om de útjouwerij funksjonearje te litten. ‘Koperative Utjouwerij trekt de stekker er uit’, Leeuwarder Courant, 10 augustus 2007, 11. Dat klinkt as hie it doel fan de KU west dat in stikmannich útjouwerijen Fryske literatuer útjouwe. Mar dat is net sa, al wie de oanlieding foar it oprjochtsjen fan suver praktyske aard.

Yn de jierren 1960 feroare de Fryske boekproduksje en -konsumpsje. Der wiene súksesfolle literêre skriuwers, mear Frysklêzers en mear literatuerlêzers as earder, de skriuwers wiene net langer tefreden mei it lange wachtsjen op boekpublikaasje, dy’t feroarsake waard troch de foarrang dy’t útjouwers joegen oan finansjeel oantreklike publikaasjes boppe ûnrendabele boekjes foar de niche fan literêr Frysklêzers, en wrâldwiid ferlear de paperback syn ordinêre stigma. Dat de literêre produksje stûke by de útjouwer like oplost troch it útjaan fan ien paperback yn ’e moanne, de Kikkert-rige, fan de fiif Fryske útjouwerijen mei-inoar, mei provinsjesubsydzje foar de boekpromoasje. Mar yn it tredde jier rûn dat al minder goed en yn it fierde jier, 1969, rette de Fryske Akademy in staveringsferoaring ta. De útjouwerijen griepen

Ferfolch

Warskôging

In soad besikers binne teheistere fan Fers2-fakânsjes

image

Fers2-fakansjes falle net daliks op. Se beslûpe jo. As jo se fernimme is it feitlik al te let. Dat komt om’t Fers2-fakânsjes komme mei negative symptomen. Underfiningen dy’t der altyd wiene, op it spektrum fan ‘och heden in Fers2’ oant ‘och heden alwer in Fers2’, bliuwe no fuort. Wês dêrom hieltyd op jo iepenst. Yn it iepen fjild moatte jo benammen rekken hâlde mei dizze sinjalen: frekwent swit fan ’e holle feien fan Bert Looper en in sinjifikant tanimmen fan Fryske fytsflagjes. Rin gjin ûnnedich risiko! Kinne jo, toch ien of oare selsferoarsake Fryske obsesje, de rop fan de literatuer net wjerstean, skilje dan Piter Boersma. Op 11 septimber is Fers2 der wer.

mei beide hannen de kâns oan om fan it ûnferkeapbere Frysk ôf te kommen en skreaune in ultimatum oan de provinsje: kaam de nije stavering der dan joegen se neat Frysks mear út. Doe diene Trinus Riemersma, Teije Brattinga en Geart van der Zwaag wat se al fjouwer jier earder dwaan moatten hiene.Al op in skriuwerskonferinsje op 23 april 1965 wie, om de produksje fan Fryske boeken fuort te sterkjen sadat manuskripten net te lang op ’e planke leinen, it plan foar in koöperative útjouwerij besprutsen. Dêrneist hie Teije Brattinga syn twaliddige plan nei foaren brocht om in pocketrige te begjinnen en in federaasje fan útjouwers te stichtsjen, mei dêryn de útjouwers, deiblêden, bewegingsselskippen en mooglik partikulieren, dy’t as oandielhâlders yn de federaasje feriene wêze soene. Fan dat plan hat stichting It Fryske Boek de paperbackrige realisearre. Sjoch Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 13-14 en 18. Se skreaune in brief oan skriuwers, útjouwers en oare nigethawwers en namen it inisjatyf ta in koöperative útjouwerij dy’t Fryske boeken útjaan soe. Mar likemin as it by de útjouwers om in “ekonomyske needsitewaasje” gie wie de noed fan de inisjatyfnimmers allinne of just dat der gjin Fryske boek mear útjûn wurde soe: “Dy ultimative foarm wiist (...) op in ûndemokratyske sitewaasje yn it Fryske boekbedriuw, dêr’t yn in saek dêr’t ferskillende groepearringen belang by ha, ien partij alle oare partijen yn ’e skjirre hat.”Teije Brattinga, Trinus Riemersma en Geart van der Zwaag, Brief ‘Oan ’e Fryske skriuwers. Underwerp: in Koperative Utjowerij’, Overasselt/Gau/Ljouwert, 13 septimber 1969, yn Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 18.

It bedriuwsplan fan de KU wie boud op de oanname dat ien grutte útjouwerij foar al it Fryske wurk—want de oare útjouwerijen soene no neat Frysks mear útjaan meie—it risiko fan minder leanjende útjeften better spriede kin tusken de leanjende útjeften en dat subsydzjejouwers, yn it earste plak de provinsje, leaver jild nei ien sintrale útjouwerij bringe as nei ferskate lytskes.Teije Brattinga, Trinus Riemersma en Geart van der Zwaag, Brief ‘Oan ’e Fryske skriuwers. Underwerp: in Koperative Utjowerij’, Overasselt/Gau/Ljouwert, 13 septimber 1969, yn Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 19. Dy oanname strykt wol, mar it is mar de fraach oft de KU ek in alternatyf biede koe foar de ûndemokratyske útjousituaasje. Al lit de Fryske publikaasjeyndustry him amper ferlykje mei dy yn it útlân, om’t de fûnsen foar it aldergrutste part út fiksje bestean en oare sjenres, lykas hobbyboeken, yn it Nederlânsk binne, dochs is it opmerklik dat it ien-klup-foar-allesplan komt as, yn de jierren sechstich, al sichtber is dat it nei-oarlochske Amerikaanske klusterjen fan útjouwers en opsetten fan co-ops mei boekhannels de ‘demokrasy’ net foarút helpt. De KU as monopoaljehâlder fan Fryske boekproduksje, ien dy’t net ien ûnôfhinklike small press neist him lije wol, ien dy’t boppedat ûngefoelich is foar feedback fan de konsumint om’t subsydzje de omset oanfollet, leit it meibeslissings­rjocht fan skriuwers, lêzers en boekhannels hielendal yn hannen fan the powers that be, it bestjoer en de redakteuren.

‘Demokratysk útjaan’ yn de sin dat de skriuwer beslist bestiet al ieuwen. Mar alfabetisearring, wolfeart en frijetiid stelden it skriuwen foar de massa’s iepen. It útjaan fan har skriuwels is yn de lêste desennia foar in folle gruttere groep tagonklik wurden troch goedkeapere printtechniken en tanommen rykdom. By vanity publishing of subsidy publishing, lykas Elikser docht, betellet de skriuwer de útjouwer foar it omsetten fan it rûge manuskript yn in boek plus it fersprieden derfan fia syn distribúsjekanalen en de útjouwer bepaalt de priis fan it boek en krijt as de eigner fan it ISBN-nûmer de royalty as it boek ferkeapet. No is jild freegjen foar produksje en eventuele tsjinstferliening goudearlik, mar de ekstra útjouwersroyalty is dat net, om’t de vanity-útjouwer gjin risiko fan minne ferkeap rint—inkeld de skriuwer moat dêrfoar fergoede wurde.

By de KU wie de 1000 gûne eigen bydrage net foar de kassa fan de útjouwer mar om mei te dwaan yn de koöperaasje. Om’t Jongfriezen dy’t meartalich opbrocht binne mei de deistige morele les fan Sesame Street’s Bert syn nasaal werhelle “cooperation” net better witte as dat koöperaasje is dat Bert en Ernie wûnder goede freontsjes binne sûnder dat se trouwe sille, earst dit. De koöperaasje wie it middel foar ekonomyske emansipaasje fan grutte groepen minsken, want alle leden ha stimrjocht en de winst is foar harren.In koöperaasje is in firma yn eigendom fan en bestjoerd en wurkjende holden troch in groep fan brûkers foar har eigen winst, dêr't alle leden eigen fermogen bydrage en oan it bestjoer fan de firma dielnimme op basis fan it 1 lid-1 ien stimprinsipe (en net yn ferhâlding ta har kapitaalbydrage). De KU wie in koöperaasje mei útsletten oanspraaklikheid, sadat ferliezen fan de koöperaasje net op de leden werhelle wurde koene. Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 21. De KU naam it risiko en wie moreel noch emosjoneel ferplichtsjend, hoewol’t it útjaan fan leden by oare útjouwerijen earst sjoen waard as oerspul.Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 51-53. De KU wie klear en wis, mei de kontraktueel fêstleine forfetêre betelling fan de skriuwer foar syn útjefte“De útjouwer sil oan ’e skriuwer in honorarium útbetelje fan 10% fan ’e ferkeapspriis fan ¾ fan ’e oplage, ôfsjoen fan it tal ferkochte eksimplaren.” Koperative Utjowerij, ‘Untwerp kontrakt’, Trotwaer Supplemint 2, 17 oktober 1970, 48-52, 49. en it kontrakt krige syn beslach troch ynspraak fan leden en publyk.Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 30. Dêr’t it de wearden fan transparantens, iepenbier rieplachtsjen en it primaat fan de leden boppe de koöperaasje oangiet wie de KU demokratysk. Mar in koöperaasje is altyd kommersjeel.‘Friese uitgeverij als bijzaakje’, Leeuwarder Courant, 2 oktober 1970, 9; Teije Brattinga, brief oan Trinus Riemersma, Overasselt, 4 septimber 1969, yn: Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 26. En de friksje tusken keunst en demokrasy leit op in djipper nivo as Fryskfobe útjouwers foar artistike autonomy of kulturele gloarje oer.

Om te begjinnen is der de spanning tusken kwantiteit en kwaliteit. De KU hie net in útjeftebelied want it joech wurk fan de leden út, mar de KU woe wurk fan literêr alloai útjaan dat de minste kâns hie om útjûn te wurden by kommersjele útjouwerijen.Benammen foar aktueel wurk en wurk fan jonge skriuwers, mei literêre kwaliteit miste de publikaasjemooglikheid. Tr. R. [Trinus Riemersma], ‘Paperback? Kikkert yn ’e sek!’, Trotwaer 1:5 (1969) 196; Pieter de Groot, ‘Nei 37,5 jier fan wrotten tsjin de stream op komt de ein’, Leeuwarder Courant, 17 augustus 2007, 18. Men kin fêststelle dat de eksperimintele en fernijende útjeften fan de KU yndie belangryk west ha foar de ûntjouwing fan de keunst sels, mar de ferkeapsifers bleaune efter en it massapublyk is nea berikt.Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert: Koperative Utjowerij, 1995) 111. As dan de KU yn jildproblemen komt flitst it idee om kommersjeler út te jaan efkes lâns, mar dan soene se “spitigernôch gjin boeken fan Meindert, Margryt, Josse en de hiele rêst útjaan kin[ne], spitich, och sa spitich.”Trinus Riemersma, brief oan alle skriuwers fan de KU, 6 maaie 1992, yn: Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 120. It antagonisme fan merkbelangen en artistike suverheid like net it punt foar de KU;Dave Beech, Art and value: Art’s economic exceptionalism in Classical, Neoclassical and Marxist economies (Leiden en Boston 2015) 33-62; Beech ferwiist nei keunstner en ekonoom Hans Abbing syn boek Why are artists poor: The exceptional economy of the arts (Amsterdam 2002) 77: “Artists, art lovers and donors want to believe that economic value devalues and corrupts art and that only aesthetic value should matter.” ommers der is gjin ferlet fan literatuer dus it boek is kultureel besit, dêr’t de wearde net fan te mjitten is en de merkwearde keunstmjittich,Nachoem M. Wijnberg, Lecture 4, Theories of entrepreneurship and management in the creative industries, Universiteit van Amsterdam, jannewaris 2016. en omset koe nea de mjitstêf wêze.Yn 1992 sprutsen de net-skriuwende leden fan de KU har út foar de fusy mei de kommersjele Utjouwerij Fryslân fan de Afûk en de skriuwers ûnder de leden tsjin. Yn syn brief oan de KU-leden oer de foarnommen fusy, Frjentsjer, 6 maaie 1992, wiist Trinus Riemersma op dy skieding tusken foar en tsjin lâns de line fan keunstnerskip. Hans Abbing syn tese biedt hjir in ferklearring foar: “All this leads to the central question (...): why is the economy denied in the arts? Behind this denial lies a controversy. As an artist (and an art lover) I believe that art is special. And therefore I am convinced that money should not interfere with art. Being an artist I must relate to art, not to the market.” Why are artists poor: The exceptional economy of the arts (Amsterdam 2002): 37. “Oftentimes growth is the reason for change,” seit Clements. Hy wiist derop dat de maatskiplike en politike druk om ekonomysk te groeien it de nonprofits ûnmooglik makket har maatskiplike doelen te berikken. Alexis Clements, ‘It is broke, we should probably fix it: The nonprofit model and the arts’, Hyperallergic, 4 septimber 2012 <http://hyperallergic.com/56248/it-is-broke-we-should-probably-fix-it-the-nonprofit-model-and-the-arts/> [krigen 30 maaie 2016].

Boppedat stean tusken merk en keunst de ynstitúsjes yn ’e wei, dy’t de frije keunst bestoke mei polityk-ideologyske propagandaKim Babon, Resinsje fan Casey Nelson Blake (red.), The arts of democracy: art, public culture, and the state (Philadelphia: University of Pennsylvania Press, 2007), American Journal of Sociology 115:2 (2009) 613-616; Roderick Graham, Resinsje fan Casey Nelson Blake (red.), The arts of democracy: art, public culture, and the state (Philadelphia: University of Pennsylvania Press, 2007), Socialism and Democracy Online, 10 april 2011 <http://sdonline.org/49/the-arts-of-democracy-art-public-culture-and-the-state/> [krigen 30 maaie 2016].—lykas dat de Fryske literatuer in platte piramide foarmje moat, in flau terpke dat fan de keamerbrede basis oant de ûndjippe top gluorket fan de chicklitUt persoanlik petear mei Teake Oppewal, koördinator Fryske literatuerbefoardering by Tresoar, op 28 maart 2015 (Oppewal brûkte oare wurden en neamde net eksplisyt de namme Hilda Talsma).—en ynstitúsjes dy’t har hastigje mei it definiearjen fan de foar- en nei-oarlochske estetyk en publike kultuer—‘bining ferbrutsen.’Fan de meme “de bining forbritsen” is nea it wêrom efterhelle. Ek de biografy Fedde schurer, 1898-1968 (Johanneke Liemburg, 2010, 210-211) giet oan de fraach foarby hoe’t it kin dat in literator dy’t him mei hûnderten striidlieten talein hie op Frysksinnige propaganda ynienen úthâlde woe dat de bining fan de skriuwer mei de Fryske beweging ferbrutsen wurde moast. Fedde Schurer syn artikel ‘De bining forbritsen’ (De Tsjerne 1:1 (1946) 1-5) iepenet mei de probleem­definysje dat de Fryske skriuwers dy’t noch gjin faam hiene inkeld publisearje koene yn bewegings­blêden. “Gefolch fen dizze litteraire diaspora wier it miskearjen fen it kritysk apparaet.” (1) De skriuwer moat him losmeitsje fan de beweging en de beweging fan de literatuer, fynt Schurer (2) en it nije tydskrift De Tsjerne sil foar dy losmakke skriuwer in “wirkwinkel for it stylexperiment” (4) en “foar de Fryske litteraire kinst (...) in eigen hûs” (4) wêze. Schurer slút dan ôf mei twa “greate wirden (...): Frijheit en skientme.” (5) Sa’t it liket situearret Schurer it neffens him winsklike ‘krityske apparaat’, in noasje dy’t besibbe is oan dy fan de skriuwer as publike yntellektueel, yn in ‘frije’, ‘estetyske’, en benammen ideology­neutrale keunst. De problematyk fan dy opstelling—skientme is by útstek sosjaal bepaald en neutrale yntellektualiteit is ûnmooglik—wie Schurer faaks sels wol bekend, mar krekt yn 1968 soe ‘frijheid’ komme te betsjutten dat de keunsters har eigen hûs keazen en it dogma fan styl, eksperimint en skientme ferfongen foar keunst as sosjale praktyk. Mar de spanning tusken de ynstitúsjonele kar, mei de KU as ien fan de ynstitúsjes, foar it tsjinjen fan de belangen fan in lytse keunstelite of just foar it kweekjen fan in wiid, heterogeen publyk, kamen inkeld kwiiskwâns te praat yn it oan ’e KU ferbûne tydskrift Trotwaer.Abe de Vries, ‘‘In soarte fan mentaliteitsferoaring’: Demokrasy en Fryske literatuer, 1960-1975’, Fers2, 12 juny 2016 <http://fers2.eu/essee2.12-demokrasy01-abedevries.html>. Ek blafte de KU net nei it effekt fan oerheidsbelied op kulturele yndustryen, lykas de aliterêre taalbefoardering, of de rol fan private ynstellingen yn it foarmjaan fan de hege kultuer, lykas de konservative Ljouwerter Krante, of de klasse-, gender- en religy­kompetysje by it definiearjen fan rjochtfeardige keunst, bygelyks lesbolit, of de ynfloed fan oerheidsynstitúsjes op wat al—chicklit—en netFers2jildt as keunst.Op in boekpresintaasje op 16 april 2016 yn Tresoar neamde haadredakteur fan de Afûk Ernst Bruinsma Fers2 in webside en net in literêr tydskrift. De KU fûn wol dat it Skriuwersboun him mei skriuwersynspraak yn dy saken bemuoie moast, mar dy bin’ net sa.Yn it earste plan foar in koöperative útjouwerij, fan septimber 1969, is der noch sprake fan dat dy ûnder lieding komt fan it Skriuwerboun. Yn 1970 stapt it KU-bestjoerslid Trinus Riemersma út it Skriuwersboun om’t it gjin kommunikaasje mei syn leden fiert, gjin stelling nimt yn de saak Gysbert Japicxpriis foar Operaesje Fers en krityskleas oan de kant fan ’e oerheid stean giet, de persoanlike opiny fan de Bounsbestjoerder synonym stelt mei it stânpunt fan it Boun, it gjin gearkomste belei doe’t yn 1969 de útjouwerijen driigden gjin Frysk mear út te jaan, net op ’e hichte wie fan wat der barde yn de útjouwers­wrâld, net mei de KU-inisjatyfnimmers prate woe oer in oprjochtsjen fan in koöperative útjouwerij, him fier hold fan de botsing tusken de KU en de Kultuerrie en fierder fan alle redendielen en stellingnimmen yn kulturele en literêre saken, en de leden ûnkrityske lju wiene. Yn 1973 naam it Skriuwersboun, sûnder oerlis foarôf en net ree ta in iepen petear efterôf mei de oare Fryske útjouwers, it inisjatyf ta de Stifting Poëzy Utjeften, sadat it Skriuwersboun de konkurrint fan de KU waard. Sjoch Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 19, 37 et passim; Tr. Riemersma, ‘Ta de nekrology fan it skriuwersboun’, Trotwaer Supplemint 2 (1970) 16-22, opnij útjûn yn: Id., Op ’e barrikaden en der by del: Literêre striidskriuwerij 1965-1970 (Frjentsjer 2005) 123-130.

Mar sels yn it ideale gefal dat der Frysk-boeksubsydje genôch is, wat nea sa wie yn it KU-tiidrek, kinne jo net alles útjaan. Wis hie de KU poartwachters en selekteurs, al waard it oardiel oer manuskripten oerlitten oan de lêskommisjes, leafst KU-leden, sûnder dat it bestjoer kontrolearre of kritearia formulearre.Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 72. Ut it fûns blykt dúdlik it ôfwizen fan de entertainment en kitsch dy’t no it gefolch is fan de produktrjochte fokus, fuortsterke troch it subsydzje- en fûnsestelsel yn kombinaasje mei vanity publishing en selsútjaan.Meiferoarsake troch de klam op in apart produkt by dizze útjoumodellen; troch de produktrjochte fokus ûntbrekt it tinken oer in keunstpolityk proses likegoed as individueel artistyk proses en de ûnmisbere redaksjonele begelieding. Sjoch Abe de Vries en Friduwih Riemersma, ‘Wachtsje op de leste debutant? Untjouwingen yn it utjaan fan Frysktalige poëzij, 2005-2016’, Fers2, 20 maart 2016 <http://fers2.eu/essee2.6-poezy-riemersmadevries.html>. It filter waard net foarme troch formele yndikatoaren fan ferkeapberens, noch fan artistisiteit, noch fan earlike kânsen, mar troch in ymplisite ideaalfisy: de KU seach literatuer as in publyk goedDoeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 63-65, 89; sjoch foar de fokus op it útwindich effekt fan keunst­produksje—lykas: fan in boek foar in KU-lid kin hiel Fryslân ferbetterje—Id., 102, en Arjo Klamer, ‘Art as a common good’, Paper presintearre op de twajierlikse konferinsje fan de Association of Cultural Economics yn Chicago, 3-5 juny 2004 <http://www.klamer.nl/index.php/subjects/art-culture/185-art-as-a-common-good-presented-at-the-bi-annual-conference-of-the-association-of-cultural-economics-at-chicago-june-3-5-2004> [krigen 10 juny 2016]. Keunst wie foar de KU teoretysk wol in krap goed, ommers de wearde fan in by de KU útjûn boek is heger as nul, mar de priis fan it boek likegoed as de nonprofit-aard fan keunstnerkollektiven binne artefakten fan it subsydzjemodel fan de oerheid dy’t wurk subsidiearret dat op de merk oanbean wurde moat; sjoch Alexis Clements, ‘It is broke, we should probably fix it: The nonprofit model and the arts’, Hyperallergic, 4 septimber 2012 <http://hyperallergic.com/56248/it-is-broke-we-should-probably-fix-it-the-nonprofit-model-and-the-arts/> [krigen 30 maaie 2016]. en as publike keunst. Publike keunst jout in stim oan marzjinalisearre groepen, sadat hja alternative fisys en ynter­pretaasjes fan ’e wrâld nei foaren bringe kinne. Foar safier’t de bourgeois kulturele elite by steat is om oan de publike en private toutsjes te lûken en de marzjinale stimmen te smoaren rint de demokrasy skea op. Yn dizze demokrasyopfetting hawwe dêrom net alle manuskripten gelikense kâns, mar moatte guon beskerme wurde tsjin truttigensnoarm en tiranny fan ’e mainstream.Cf. Geir Vestheim, ‘The autonomy of culture and the arts – from the early bourgeois era to late modern “Runaway World”’, yn: Miikka Pyykkönen, Niina Simanainen en Sakarias Sokka (red.), What about cultural policy? Interdisciplinary perspectives on culture and politics (Helsinki / Jyväskylä 2009) 31-53, 40 e.f. Vestheim stelt dat keunstners en kulturele ynstitúsjes—dy fan de keunstners; net de public administration (Tresoar) dy’t tradisjoneel net-demokratysk is hoewol’t der wol op wiisd wurdt dat demokratyske stjoering needsaaklik en passend is—in ferskaat oan autonome fjilden skeppe, yn ekonomyske en estetyske sin, om harsels te beskermjen tsjin de machtige ynfloed fan de merke en fan de politisy, dy’t net selden oparbeidzje. De ferhâlding demokrasy en keunst sprekt net fansels; it demokrasy-en-keunst model dat brûkt wurdt foar keunstbelied, it autonomymodel, is by Rawls sa definiearre dat de keunstners en har ynstituten, dy’t de measte kennis hawwe om te besluten oer goede kwaliteit en smaak, “define duties and obligations of the individuals so as to maximise the achievement of human excellence in art, science and culture,” neffens it perfeksjeprinsipe dat in mainstream-monokultuer útslút. John Rawls, A theory of justice: Revised edition (Cambridge, MA 1999), 285-286. Demokrasy kin net bestean as de boarger kieze kin út mar ien artistike smaakAs wy demokrasy definiearje as ‘bestjoer troch it folk’ (Amy Gutmann, ‘Democracy’, yn: Robert E. Goodin, Philip Pettit en Thomas Pogge (red.), A companion to contemporary political philosophy [1993] (Oxford 2007) 521-531, 521), dan moat, om dat bestjoer werklik yn hannen fan de boargers te lizzen, de minsken frij wêze om har eigen ideeën oer it goede libben te meitsjen of dêrút te kiezen. Artistike smaak, oftewol ‘wat fyn ik keunst?’ is in ûnderdiel fan dy ideeën oer it goede libben. Fan dy redenearring út hat de oerheid de plicht om de minsken in brede rige fan opsjes te jaan, dy’t har autonome kar garandearret. Roger Blomgren, ‘Autonomy or democratic cultural policy: that is the question’, yn: Geir Vestheim (red.), Cultural policy and democracy (Londen en New York 2015) 27-37, 31. en keunst kin net sûnder diversiteit. Net it iensume sjeny mar de trochgeande fernijing jout de kulturele ferriking om oan it symboalyske ferlet fan it publyk te foldwaan.Paul de Man, ‘Criticism and crisis’, yn: Blindness and insight: Essays in the rhetoric of contemporary criticism (Londen 1996) 3-19, 8 et passim.

Ja, in koöperative útjouwerij is dus goed foar de kultuer en keunst. Nee, in monopoalje is min foar in breed, fariearre literêr lânskip; it wie goed dat de KU net de iennichste Fryske útjouwerij wie, al wie it noch sa’n goeienien. Om werom te kommen op it ferlechje dat de KU syn wurk dien hat om’t no in stikmannich útjouwerijen Frysk dogge: dat wie hieltyd sa en woene wy yn 2007 noch wol in breed en treflik literêr lânskip? Wolnee. Us liberalistyske oerheid waard beroerd by it idee om keunst tagonklik te meitsjen lykas in park. Keunst wie privee (behalven fansels as in Dokkumer boargemaster in fontein ha wol want yn dat útsûnderlike gefal is keunst publyk en wurdt betelle út algemiene middelen). Sadwaande is de besonje no net langer literatuer, mar ‘boekjes’ en ‘ferkeap’ en dat betsjut mainstream. It wurk dat de raffelrantsjes fan de literatuer útmakket smyt likemin op foar de Fryske skatkiste as foar it trofeeplankje. It kin maklik mist wurde. Dêrom koe de KU ek wol mist wurde.

Oer fjirtjin dagen mear oer it ferlies fan de Fryske identiteit!

Noaten

  1. De opjûne redenen foar allinne e-publikaasje (en selsútjaan) binne dat it ferkeapsifer mei elk boek fan Tiemersma weromrûn en dat ophâlde mei skriuwen net koe want yn Tiemersma syn holle giene de boeken gewoan troch (Sietse de Vries, ‘Gysbertwinner Koos Tiemersma net yn boekwinkel te keap’, Leeuwarder Courant, 12 septimber 2015, 34.), “Hyltyd mear minsken hawwe in e-reader, en yn 2014 waard al sa'n 15% fan alle fiksje yn Nederlân ferkocht as e-book. Boppedat ha jo as skriuwer dan alles sels yn 'e hân” (Teake Oppewal, ‘Gysbert Japicxpriis 2015 foar Koos Tiemersma syn e-roman ‘Einum’’, Lezen voor de Lijst, 17 septimber 2015 <http://www.lezenvoordelijst.nl/zoek-een-boek/fries/home/weblog/2015/gysbert-japicxpriis-2015-foar-koos-tiemersma-syn-e-roman-'einum'/> [krigen 29 maaie 2016].) en “by neier ynsjoch dochs in paad sjen te finen as skriuwer yn de wrâld fan de nije media: frij fan papier, allinne e-books foar in skaplik pryske, los fan útjouwers, mei de nije skriuwersnamme Froon Akker en yn twa talen” (‘Koos Tiemersma’, Sirkwy, g.d. <http://www.sirkwy.nl/titel/236> [krigen 29 maaie 2016].).
  2. Op freed 11 septimber 2015 krige âldheechlearaar Arnold Heertje—‘professor’ seine alle oankundigingen fan it evenemint, mar dat strykt net want Heertje wie 81 en al hiel lang mei emeritaat—it earste eksimplaar oanbean fan it kadoboek De ferjilder fan Marten Toonder. Heertje ferhiert himsels as sprekker foar allerhanne gelegenheden en dat sil de kar foar syn optreden ferklearje op de boekewike mei it tema Jild, of faaks it stive fersin dat ekonomy oer jild giet. Want yn syn ynaugurele rede by it oanfurdigjen fan it amt as bûtengewoan heechlearaar yn de Bommeliaanske ekonomy gie Heertje yn op Bommel as teoretysk ekonoom sa’t dy nei foaren komt út benammen De bovenbazen en dêrneist de Pasmunt en De windhandel, mar net De vergelder. De vergelder giet oer it automatisearre berekkenjen fan finansjele wearde. De dei nei de lêste ôflevering slút it NRC-Handelsblad De vergelder ôf mei in u-bocht werom nei de keunst: de ferjildmasine hat de poëzijbondel IJle mijmeringen ûnpublikabel makke. Mar De ferjilder giet net oer keunst. Bommels iennichste aventoer mei de keunst, yn de searje oer masterskilder Terpen Tijn, rint finansjeel en foar it prestiizje fan Bommel min ôf, mar foar de keunstner folle better. It is spitich dat Heertje gjin kâns krigen hat om dat mei it publyk te besprekken.
  3. Tresoar Fries Historisch en Letterkundig Centrum, ‘Koos Tiemersma wint de Gysbert Japicxpriis 2015’, Youtube, 12 septimber 2015 <https://www.youtube.com/watch?v=gId1qX2olMc> [krigen 29 maaie 2016].
  4. ‘Ursula K Le Guin’s speech at National Book Awards: ‘Books aren’t just commodities’’, The Guardian, 20 novimber 2014 <https://www.theguardian.com/books/2014/nov/20/ursula-k-le-guin-national-book-awards-speech> [krigen 29 maaie 2016].
  5. Ferklearring fan Piter Boersma, yn Gerbrich van der Meer, ‘KU stie iepen foar eigensinnichheid: Doek falt foar Koperative Utjowerij’, Friesch Dagblad, 29 augustus 2007 <http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=35695> [krigen 26 maaie 2016]. Ek dit is ynlústere troch Piter Boersma: “Friese Pers Boekerij, Bornmeer, AFUK, Frysk en Frij en het afvallige kind van de KU, Venus vechten vandaag de dag om manuscripten van Friese schrijvers, ook als het om minder rendabele maar belangwekkende literaire uitgaven gaat zoals poëzie. Dat is mee dankzij de KU toch maar bereikt, haar taak is volbracht.” Pieter de Groot, ‘'Taak Koperative Utjouwerij volbracht’, Leeuwarder Courant, 11 augustus 2007, 14. De direkte reden foar it opheffen fan de KU is dat foarsitter Piter Boersma gjin frijwilligers mear fine kin om de útjouwerij funksjonearje te litten. ‘Koperative Utjouwerij trekt de stekker er uit’, Leeuwarder Courant, 10 augustus 2007, 11.
  6. Al op in skriuwerskonferinsje op 23 april 1965 wie, om de produksje fan Fryske boeken fuort te sterkjen sadat manuskripten net te lang op ’e planke leinen, it plan foar in koöperative útjouwerij besprutsen. Dêrneist hie Teije Brattinga syn twaliddige plan nei foaren brocht om in pocketrige te begjinnen en in federaasje fan útjouwers te stichtsjen, mei dêryn de útjouwers, deiblêden, bewegingsselskippen en mooglik partikulieren, dy’t as oandielhâlders yn de federaasje feriene wêze soene. Fan dat plan hat stichting It Fryske Boek de paperbackrige realisearre. Sjoch Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 13-14 en 18.
  7. Teije Brattinga, Trinus Riemersma en Geart van der Zwaag, Brief ‘Oan ’e Fryske skriuwers. Underwerp: in Koperative Utjowerij’, Overasselt/Gau/Ljouwert, 13 septimber 1969, yn Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 18.
  8. Teije Brattinga, Trinus Riemersma en Geart van der Zwaag, Brief ‘Oan ’e Fryske skriuwers. Underwerp: in Koperative Utjowerij’, Overasselt/Gau/Ljouwert, 13 septimber 1969, yn Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 19.
  9. In koöperaasje is in firma yn eigendom fan en bestjoerd en wurkjende holden troch in groep fan brûkers foar har eigen winst, dêr't alle leden eigen fermogen bydrage en oan it bestjoer fan de firma dielnimme op basis fan it 1 lid-1 ien stimprinsipe (en net yn ferhâlding ta har kapitaalbydrage). De KU wie in koöperaasje mei útsletten oanspraaklikheid, sadat ferliezen fan de koöperaasje net op de leden werhelle wurde koene. Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 21.
  10. Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 51-53.
  11. “De útjouwer sil oan ’e skriuwer in honorarium útbetelje fan 10% fan ’e ferkeapspriis fan ¾ fan ’e oplage, ôfsjoen fan it tal ferkochte eksimplaren.” Koperative Utjowerij, ‘Untwerp kontrakt’, Trotwaer Supplemint 2, 17 oktober 1970, 48-52, 49.
  12. Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 30.
  13. ‘Friese uitgeverij als bijzaakje’, Leeuwarder Courant, 2 oktober 1970, 9; Teije Brattinga, brief oan Trinus Riemersma, Overasselt, 4 septimber 1969, yn: Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 26.
  14. Benammen foar aktueel wurk en wurk fan jonge skriuwers, mei literêre kwaliteit miste de publikaasjemooglikheid. Tr. R. [Trinus Riemersma], ‘Paperback? Kikkert yn ’e sek!’, Trotwaer 1:5 (1969) 196; Pieter de Groot, ‘Nei 37,5 jier fan wrotten tsjin de stream op komt de ein’, Leeuwarder Courant, 17 augustus 2007, 18.
  15. Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 111.
  16. Trinus Riemersma, brief oan alle skriuwers fan de KU, 6 maaie 1992, yn: Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert: Koperative Utjowerij, 1995) 120.
  17. Dave Beech, Art and value: Art’s economic exceptionalism in Classical, Neoclassical and Marxist economies (Leiden en Boston 2015) 33-62; Beech ferwiist nei keunstner en ekonoom Hans Abbing syn boek Why are artists poor: The exceptional economy of the arts (Amsterdam 2002) 77: “Artists, art lovers and donors want to believe that economic value devalues and corrupts art and that only aesthetic value should matter.”
  18. Nachoem M. Wijnberg, Lecture 4, Theories of entrepreneurship and management in the creative industries, Universiteit van Amsterdam, jannewaris 2016.
  19. Yn 1992 sprutsen de net-skriuwende leden fan de KU har út foar de fusy mei de kommersjele Utjouwerij Fryslân fan de Afûk en de skriuwers ûnder de leden tsjin. Yn syn brief oan de KU-leden oer de foarnommen fusy, Frjentsjer, 6 maaie 1992, wiist Trinus Riemersma op dy skieding tusken foar en tsjin lâns de line fan keunstnerskip. Hans Abbing syn tese biedt hjir in ferklearring foar: “All this leads to the central question (...): why is the economy denied in the arts? Behind this denial lies a controversy. As an artist (and an art lover) I believe that art is special. And therefore I am convinced that money should not interfere with art. Being an artist I must relate to art, not to the market.” Why are artists poor: The exceptional economy of the arts (Amsterdam 2002): 37. “Oftentimes growth is the reason for change,” seit Clements. Hy wiist derop dat de maatskiplike en politike druk om ekonomysk te groeien it de nonprofits ûnmooglik makket har maatskiplike doelen te berikken. Alexis Clements, ‘It is broke, we should probably fix it: The nonprofit model and the arts’, Hyperallergic, 4 septimber 2012 <http://hyperallergic.com/56248/it-is-broke-we-should-probably-fix-it-the-nonprofit-model-and-the-arts/> [krigen 30 maaie 2016].
  20. Kim Babon, Resinsje fan Casey Nelson Blake (red.), The arts of democracy: art, public culture, and the state (Philadelphia: University of Pennsylvania Press, 2007), American Journal of Sociology 115:2 (2009) 613-616; Roderick Graham, Resinsje fan Casey Nelson Blake (red.), The arts of democracy: art, public culture, and the state (Philadelphia: University of Pennsylvania Press, 2007), Socialism and Democracy Online, 10 april 2011 <http://sdonline.org/49/the-arts-of-democracy-art-public-culture-and-the-state/> [krigen 30 maaie 2016].
  21. Ut persoanlik petear mei Teake Oppewal, koördinator Fryske literatuerbefoardering by Tresoar, op 28 maart 2015 (Oppewal brûkte oare wurden en neamde net eksplisyt de namme Hilda Talsma).
  22. Fan de meme “de bining forbritsen” is nea it wêrom efterhelle. Ek de biografy Fedde schurer, 1898-1968 (Johanneke Liemburg, 2010, 210-211) giet oan de fraach foarby hoe’t it kin dat in literator dy’t him mei hûnderten striidlieten talein hie op Frysksinnige propaganda ynienen úthâlde woe dat de bining fan de skriuwer mei de Fryske beweging ferbrutsen wurde moast. Fedde Schurer syn artikel ‘De bining forbritsen’ (De Tsjerne 1:1 (1946) 1-5) iepenet mei de probleem­definysje dat de Fryske skriuwers dy’t noch gjin faam hiene inkeld publisearje koene yn bewegings­blêden. “Gefolch fen dizze litteraire diaspora wier it miskearjen fen it kritysk apparaet.” (1) De skriuwer moat him losmeitsje fan de beweging en de beweging fan de literatuer, fynt Schurer (2) en it nije tydskrift De Tsjerne sil foar dy losmakke skriuwer in “wirkwinkel for it stylexperiment” (4) en “foar de Fryske litteraire kinst (...) in eigen hûs” (4) wêze. Schurer slút dan ôf mei twa “greate wirden (...): Frijheit en skientme.” (5) Sa’t it liket situearret Schurer it neffens him winsklike ‘krityske apparaat’, in noasje dy’t besibbe is oan dy fan de skriuwer as publike yntellektueel, yn in ‘frije’, ‘estetyske’, en benammen ideology­neutrale keunst. De problematyk fan dy opstelling—skientme is by útstek sosjaal bepaald en neutrale yntellektualiteit is ûnmooglik—wie Schurer faaks sels wol bekend, mar krekt yn 1968 soe ‘frijheid’ komme te betsjutten dat de keunsters har eigen hûs keazen en it dogma fan styl, eksperimint en skientme ferfongen foar keunst as sosjale praktyk.
  23. Abe de Vries, ‘‘In soarte fan mentaliteitsferoaring’: Demokrasy en Fryske literatuer, 1960-1975’, Fers2, 12 juny 2016 <http://fers2.eu/essee2.12-demokrasy01-abedevries.html>.
  24. Op in boekpresintaasje op 16 april 2016 yn Tresoar neamde haadredakteur fan de Afûk Ernst Bruinsma Fers2 in webside en net in literêr tydskrift.
  25. Yn it earste plan foar in koöperative útjouwerij, fan septimber 1969, is der noch sprake fan dat dy ûnder lieding komt fan it Skriuwerboun. Yn 1970 stapt it KU-bestjoerslid Trinus Riemersma út it Skriuwersboun om’t it gjin kommunikaasje mei syn leden fiert, gjin stelling nimt yn de saak Gysbert Japicxpriis foar Operaesje Fers en krityskleas oan de kant fan ’e oerheid stean giet, de persoanlike opiny fan de Bounsbestjoerder synonym stelt mei it stânpunt fan it Boun, it gjin gearkomste belei doe’t yn 1969 de útjouwerijen driigden gjin Frysk mear út te jaan, net op ’e hichte wie fan wat der barde yn de útjouwers­wrâld, net mei de KU-inisjatyfnimmers prate woe oer in oprjochtsjen fan in koöperative útjouwerij, him fier hold fan de botsing tusken de KU en de Kultuerrie en fierder fan alle redendielen en stellingnimmen yn kulturele en literêre saken, en de leden ûnkrityske lju wiene. Yn 1973 naam it Skriuwersboun, sûnder oerlis foarôf en net ree ta in iepen petear efterôf mei de oare Fryske útjouwers, it inisjatyf ta de Stifting Poëzy Utjeften, sadat it Skriuwersboun de konkurrint fan de KU waard. Sjoch Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 19, 37 et passim; Tr. Riemersma, ‘Ta de nekrology fan it skriuwersboun’, Trotwaer Supplemint 2 (1970) 16-22, opnij útjûn yn: Id., Op ’e barrikaden en der by del: Literêre striidskriuwerij 1965-1970 (Frjentsjer 2005) 123-130.
  26. Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 72.
  27. Meiferoarsake troch de klam op in apart produkt by dizze útjoumodellen; troch de produktrjochte fokus ûntbrekt it tinken oer in keunstpolityk proses likegoed as individueel artistyk proses en de ûnmisbere redaksjonele begelieding. Sjoch Abe de Vries en Friduwih Riemersma, ‘Wachtsje op de leste debutant? Untjouwingen yn it utjaan fan Frysktalige poëzij, 2005-2016’, Fers2, 20 maart 2016 <http://fers2.eu/essee2.6-poezy-riemersmadevries.html>.
  28. Doeke Sijens en Henk van der Veer, In útjouwerij fan QuizeQuânsje: Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan ’e Koperative Utjowerij (Boalsert 1995) 63-65, 89; sjoch foar de fokus op it útwindich effekt fan keunst­produksje—lykas: fan in boek foar in KU-lid kin hiel Fryslân ferbetterje—Id., 102, en Arjo Klamer, ‘Art as a common good’, Paper presintearre op de twajierlikse konferinsje fan de Association of Cultural Economics yn Chicago, 3-5 juny 2004 <http://www.klamer.nl/index.php/subjects/art-culture/185-art-as-a-common-good-presented-at-the-bi-annual-conference-of-the-association-of-cultural-economics-at-chicago-june-3-5-2004> [krigen 10 juny 2016]. Keunst wie foar de KU teoretysk wol in krap goed, ommers de wearde fan in by de KU útjûn boek is heger as nul, mar de priis fan it boek likegoed as de nonprofit-aard fan keunstnerkollektiven binne artefakten fan it subsydzjemodel fan de oerheid dy’t wurk subsidiearret dat op de merk oanbean wurde moat; sjoch Alexis Clements, ‘It is broke, we should probably fix it: The nonprofit model and the arts’, Hyperallergic, 4 septimber 2012 <http://hyperallergic.com/56248/it-is-broke-we-should-probably-fix-it-the-nonprofit-model-and-the-arts/> [krigen 30 maaie 2016].
  29. Cf. Geir Vestheim, ‘The autonomy of culture and the arts – from the early bourgeois era to late modern “Runaway World”’, yn: Miikka Pyykkönen, Niina Simanainen en Sakarias Sokka (red.), What about cultural policy? Interdisciplinary perspectives on culture and politics (Helsinki / Jyväskylä 2009) 31-53, 40 e.f. Vestheim stelt dat keunstners en kulturele ynstitúsjes—dy fan de keunstners; net de public administration (Tresoar) dy’t tradisjoneel net-demokratysk is hoewol’t der wol op wiisd wurdt dat demokratyske stjoering needsaaklik en passend is—in ferskaat oan autonome fjilden skeppe, yn ekonomyske en estetyske sin, om harsels te beskermjen tsjin de machtige ynfloed fan de merke en fan de politisy, dy’t net selden oparbeidzje. De ferhâlding demokrasy en keunst sprekt net fansels; it demokrasy-en-keunst model dat brûkt wurdt foar keunstbelied, it autonomymodel, is by Rawls sa definiearre dat de keunstners en har ynstituten, dy’t de measte kennis hawwe om te besluten oer goede kwaliteit en smaak, “define duties and obligations of the individuals so as to maximise the achievement of human excellence in art, science and culture,” neffens it perfeksjeprinsipe dat in mainstream-monokultuer útslút. John Rawls, A theory of justice: Revised edition (Cambridge, MA 1999), 285-286.
  30. As wy demokrasy definiearje as ‘bestjoer troch it folk’ (Amy Gutmann, ‘Democracy’, yn: Robert E. Goodin, Philip Pettit en Thomas Pogge (red.), A companion to contemporary political philosophy [1993] (Oxford 2007) 521-531, 521), dan moat, om dat bestjoer werklik yn hannen fan de boargers te lizzen, de minsken frij wêze om har eigen ideeën oer it goede libben te meitsjen of dêrút te kiezen. Artistike smaak, oftewol ‘wat fyn ik keunst?’ is in ûnderdiel fan dy ideeën oer it goede libben. Fan dy redenearring út hat de oerheid de plicht om de minsken in brede rige fan opsjes te jaan, dy’t har autonome kar garandearret. Roger Blomgren, ‘Autonomy or democratic cultural policy: that is the question’, yn: Geir Vestheim (red.), Cultural policy and democracy (Londen en New York 2015) 27-37, 31.
  31. Paul de Man, ‘Criticism and crisis’, yn: Blindness and insight: Essays in the rhetoric of contemporary criticism (Londen 1996) 3-19, 8 et passim.

Foaropwurd 2.11

Fers2, 29 maaie 2016

Kultuerferlies IX: Wêr is ús Muze

of, Wêrom’t kultuerferlies goed foar de keunst is (en dus foar it minskdom)

image

Kultuerferlies is in term dy’t dalik allerhanne negative kognysjes opropt, lykas natuerferlies dat docht. As it natuerferlies stadich giet en it lijen sichtber is, tink oan de Oostvaardersplassen yn ’e winter, ropt dat safolle maatskiplike ferûntweardiging op dat proaktyf ôfskot in better alternatyf liket. Sels it evakuearjen fan de net-fleanende bisten en dan wer ûnder wetter setten fan it natuergebiet, om de floara en fauna fitaal te hâlden, is ûnbesprekber. Want it soe begrutlik foar de blomkes wêze en miskien wurdt it as it wetter sakket nea wer sa’t it earder wie. Wa’t no mei in weiwiuwend gebear wjersprekt dat de natuer yn de Oostvaardersplassen net ferlykber is mei de kultuer yn Fryslân, benammen net om’t der om de Fryske kultuer hinne gjin hege hikke stiet, dy soe op de agora yn Atene foar Sokrates oer mei itselde argumint al gau it omkearde úthâlde. Dat is krekt de reden dat Sokrates dea is: proaktyf ôfskot.

Want binne jo it net mei de kultueroptimist iens dat der elke dei nije kultuer by komt? De kultuerferoaring giet hurd en oft it no fan in opsteapeling fan nijichheden of fan it slopende effekt fan haadferoaringen op de kulturele basisynstituten komt, it gefolch soe de dea fan de Fryske kultuer wêze. De rêding is kultuerbehâld, dochs? Wa tinkt deroer nei dat de modellen fan kultuerekstinksje en -behâld basearre binne op de oanname dat kultuer útstjerre kin lykas bistesoarten, wat ûnsin is, en dat just kultuerbehâld de kulturele diversiteit ferearmet en in ferlamjend effekt hat op de keunst?

Kultuer yn de brede antropologyske sin komt fuort út it libbensmiljeu en past him dêrneffens oan. Minsken skeppe har materiële kultuer fan de beskikbere boarnen en har neden en ferlet út. Yn de smelle sin fan ferdivedaasjekultuer kin kultuer oeral weikomme en is er net bûn oan de eigen boarnen of winsken. Kultuer yn de sin fan entertainment is benammen ôfhinklik fan it jild en de (frije) tiid dy’t in maatskippij deroan besteegje wol en kin. Klaaiïng is it standertfoarbyld foar dizze kultueropfetting. Us kulturele ûnderfining wikselet alle seisoenen en troch kultureel ymperialisme, oanwakkere troch it globale kapitalisme, is homogenisearring in grut risiko foar kulturele diversiteit. It mondiale unifoarm fan jeans & t-shirt ferkringt tradisjonele kostúms. Mar hjir komt al in earste probleem op. Yn de jierren sântich kaam yn de skoalklasse in sittenbliuwer, mei it burd al yn ’e kiel, opstannich oerein en rôp nei de learaar dat er orizjineel wêze woe. Noch gjin tsien jier earder hiene syn grutte broers it rjocht op yndividuele kreativiteit befochten, dus kom no. Mar de learaar, dy’t oars syn learlingen wol earnst naam, begûn te gnizen. Hy telde tritich spikerbroeken mei tritich spikerjaskes yn de klasse.

Fan de keunstner, de kreative geast, út sjoen is de tradisjonele kultuer net perfoarst in minder twingend korset as dat seisoensprodukten foar massakonsumpsje binne. It is de saneamde hege kultuer, de tredde en smelste opfetting fan kultuer, dy’t in probleem hat dat belangryk fierder giet as it bestriden fan in mispleatst gefoel fan origzinaliteit as men de kollektive jeans om ’e kont hat. Yn 1934 reagearret Bauke Tuinstra, letter bestjoerder fan it Boun fan Fryske Keunstners, sa op de definysje fan folkskeunst as ‘keunst fan, foar en libjend yn it folk’: “In formulearring dêr’t net folle tsjin yn te bringen is, al wurdt foar myn gefoel it yn eltse folkskeunster libjende, ûnmisbere persoanlike oanfielen der wol wat op ferkrongen troch de swiere, massale klam op ’e kollektiviteit.”Bauke Tuinstra, ‘Folkskinst “Âld en nij”’, It Heitelân 16 (1934) 202-203. Opmerklik is dat folkskeunst hjir net foar de beaux arts oer pleatst is, mar autentisiteit foaroer mienskiplikens.

Yn ’e hjoeddeiske filosofy is de definysje fan keunst kontroversjeel. Ien fan de kwestjes is oft de estetyske ûnderfining redusearre wurde kin ta in ynstitúsjoneel artworld-effekt, of in aparte diminsje is.Ronald W. Hepburn, ‘Theories of art’, yn: David S. Cooper (red.), A companion to aesthetics (Oxford 1999) 565-570. Wichtich is dat estetyk nea frij is fan polityk, ideology en ekonomykse logika.John Guillory, Cultural capital: The problem of literary canon formation (Chicago, IL 1993) 326-327. It keunstwurk is it resultaat fan de frije kar fan de keunstner.Merlin Donald, ‘Art and cognitive evolution’, yn: Mark Turner (red.), The artful mind, cognitive science and the riddle of human creativity (New York en Oxford 2006) 13; Theodor Adorno, Aesthetic theory [1970] (Londen / New York 1997) 1, 5, 236, et passim; Max Horkheimer en Theodor W. Adorno, Dialectic of enlightenment: Philosophical fragments (Stanford, CA 2002) 127-128. Adorno syn idee fan de autonomy fan keunst giet werom op de Analytik der ästhetischen Urteilskraft fan Kant (skientme is in “Zweckmäßigkeit ohne Zweck”, I/1, § 15) en kin as dûbel opfette wurde, nammentlik as ferlies fan in direkt sosjaal doel en as de keunst syn wegerjen fan it soarte fan doelfêstens (“purposiveness”) dy’t nei de Twadde Wrâldkriich begûn wie de maatskippij te behearskjen. Frije kar betsjut net dat de keunstner foarsjen kin wat it keunstwurk dwaan sil, want dat kin er meastal net, mar dat er oanstjoere wolle kin op in beskate estetyske ûnderfining fan de taskôger, dy’t ynfariabel syn beslach krijt yn útwikseling mei syn keunstwurk.Gary Iseminger, ‘Aesthetic experience’, yn: Jerrold Levinson (red.), The Oxford handbook of aesthetics (New York en Oxford 2003) 99-116. Neffens Hampshire is in estetyske ûnderfining dat “the spectator/critic (...) needs to suspend his natural sense of purpose and significance (...) Nothing but holding an object still in attention, by itself and for itself, would count as having an aesthetic interest in it.” Stuart Hampshire, ‘Logic and appreciation’, yn: William Elton (red.), Aesthetics and language (Oxford 1954) 161-169, 166-167. Om’t it publyk lykas de keunstner autonoom is kin dat effekt net garandearre wurde, ek net mei de kennis fan it minsklik publyk en fan keunst sels dy’t de keunstner besit,Charles Esche, ‘How to grow possibility: The potential roles of academies’, 2007, lêzing op de presintaasje fan de earste AIR-publikaasje op 11 jannewaris 2007 yn Amsterdam <http://www.ahk.nl/fileadmin/download/ahk/Lectoraten/kunstpraktijk/AIR_Esche_let_s_suppose.pdf> [krigen 19 maaie 2016], 11. of it systeem moat sa fiergeand beheind wêze en de uteringen sa monotoan dat it effekt te foarsizzen is.Arnold Hauser, The sociology of art (Chicago, IL 1982) 21-22; sjoch foar de psychologyske beneiering Ladislav Kesner, ‘The predictive mind and the experience of visual art work’, Frontiers in Psychology 5:1417 (2014) 1-13. “[V]iewers must be able to tune or adapt their prediction mechanism to recognize art as a specific class of objects whose ontological nature defies predictability.” (1) Mar beheinde diversiteit fan uteringen en ynterpretaasjes is net kreatyf of artistyk.Robert L. Solso, The psychology of art and the evolution of the conscious brain (Cambridge, MA 2003) 3; Merlin Donald, ‘Art and cognitive evolution’, yn: Mark Turner (red.), The artful mind, cognitive science and the riddle of human creativity (New York en Oxford 2006) 12; sjoch foar de kritysk-teoretyske beneiering Theodor Adorno, Aesthetic theory [1970] (Londen / New York 1997) 103: “As soon as the artwork (...) begins to display outwardly wat cannot become art—canvas and mere tones—it becomes its own enemy, the direct and false continuation of purposeful rationality. This tendency culminates in the happening.” It is formele performance, lykas seremoanje en festival, dêr’t publyks­partisipaasje net ferûndersteld wurdt mear as fysyk (kaartferkeap) en wurdearjend (kaartferkeap) te wêzen.Sels yn de tradisjonele keunstopfetting fan ‘beholding the object’, dêr’t de wearde fan it keunstwurk net ôfhinklik is fan de erkenning fan it publyk, is de rol fan it publyk de ynterpretearjende. De aktive publyksbydrage oan saneamde partisipaasjekeunst bestiet derút op foarskreaune wize te skriuwen, draaien, rinnen, razen, iten of drinken en net om sels betsjutting te meitsjen. Sjoch bygelyks Ray Mark Rinaldi, ‘Art and the active audience: Participatory art changes audience role from viewer to doer’, The Denver Post, 31 desimber 2012 <http://www.denverpost.com/ci_22288730/art-and-active-audience-participatory-art-changes-audience> [krigen 19 maaie 2016]. À propos wat der ‘yn it folk libbet’, ymplemintearret net it wetjaande proses, retoarysk de neden ûnder de tastiene winsken (kaartferkeap) weimuozjend, dat wêr’t de ‘mienskip fan minsken’ ‘ferlet’ fan hat?Anna Marie Schuh, ‘Every post is honorable’, PA Times, 9 febrewaris 2016 <http://patimes.org/post-honorable/> [krigen 19 maaie 2016].

Ynienen ware de mienskipspolityk troch Fryslân! It bid book titele ‘Iepen mienskip’ waard beleane mei de status fan Europeeske Kulturele Haadstêd. ‘Mienskip’ wie it wurd dat yn hiel Europa klinke soe as der oer mienskipssin sprutsen wurde soe, sei kommissaris fan de Kening John Jorritsma yn 2013.Albert Hendriks, ‘Het woord dat scoort: Mienskip!’, Friesland Holland Nieuws, 9 septimber 2013 <http://www.frieslandhollandnieuws.nl/entry/het-woord-dat-scoort-mienskip> [krigen 19 maaie 2016]. Wy fan Fers2 komme hast alle dagen yn it part fan Europa dat ynternasjonaal bekend stiet om syn iepenbiere sinlike mienskip en hearre it net, mar in oar ding is, wêr hat Jorritsma it eigentlik oer?

De histoarje fan it definiearjen fan ‘mienskip’ is lang en ryk fasettearre. Yn 1955 ûnderwurp de bekende sosjolooch George Hillery 94 sosjologyske definysjes fan ‘community’ oan in analyse. Yn dy stekproef koe er sechstjin ferskillende definisjonele konsepten identifisearje. Hillery fûn gjin konsept dat alle 94 definysjes mienskiplik hiene, útsein ien befining: “all of the definitions deal with people.”George A. Hillery, Jr., ‘Definitions of community: Areas of agreement.’Rural sociology 20:2 (1955) 111-123, 117, et passim. Ek al die oerdúdlik bliken hoe dizich oft ‘community’ wie, de term waard inkeld mar populêrder. Yn 1996 waarden by it sykjen op ûnderwerp mei de sykterm “community” yn de ERIC-­databaseEducational Resources Information Center, in internet-based digitale bibleteek fan ûnderwiisûndersyk en -ynformaasje, sponsorre troch it Amerikaanske ministearje fan Underwiis. 96.439 sitaasjes fûn.Daniel Perlstein, ‘Community and democracy in American schools: Arthurdale and the fate of progressive education’, Teachers College Record 97:4 (1996) 625-650. Der sille no folle mear definysjes wêze. Nammerste mear is mienskip in non-konsept dat earder foar betizing as foar ferklearringen soarget.

Mar sûnder sokke lege betsjutters kin in polityk neat artikulearje.Ernesto Laclau, ‘Politics and the limits of modernity’, Social Text 21 (1989) 63-82, 70-71; Ernesto Laclau en Chantal Mouffe, Hegemony and socialist strategy: Towards a radical democratic politics [1985] (Londen en New York 2001) 134-136. Laclau en Mouffe definiearje polityk as it stribjen nei hegemony troch it feroverjen fan wat Laclau ‘floating signifiers’ of ‘empty signifiers’ neamt, dy’t diskursyf oer-determinearre en libidinaal binne en sadwaande foar subjekten op ferskillende sosjale posysjes ferskillende sosjale easken artikulearje. Meastal brûkt de beliedsretoryk ‘mienskip’ yn in romantyske, ferlossende en essinsjalistyske sin.Cezar M. Ornatowski en Linn K. Bekins, ‘What's civic about technical communication? Technical communication and the rhetoric of “Community”’, Technical Community Quarterly 13:3 (2004) 251-269. Yn 1998 fertelt in Amerikaanske esseebondel in ferhaal oer de noed om it ferlies fan ienheid, dat middenyn Fryslâns provinsjehûs liket te spyljen: “de ‘ferlerne’ mienskip is in mytyske represintaasje fan in ferline dat nea bestie, behalven miskien yn de ferbylding fan minsken dy’t wûn binne oan dominante rollen.”Lester C. Olson, ‘Rhetoric and community: Studies in nity and fragmentation (review)’, Philosophy and Rhetoric 33:2 (2000) 182-186, 182. Dat mienskipsbelied fundearre is op de fata morgana fan de pommeranten, neat nijs ûnder de sinne, slút net út dat it helpt. Lykwols witte wy net iens oft mienskipsbelied helpe kin. Om dêr wat oer te sizzen moatte jo guon prestaasjes, dy’t de ‘mienskip’ oanwiist, mjitte, mar dat kinne jo net.It skatten, útsluten of kontrolearjen fan kofaktoaren dy’t fan ynfloed binne op de sosjale prestaasje is net te dwaan. Sjoch foar de tûkelteammen it “Effective Governance Model”, út it boek Results that matter: Improving communities by engaging citizens, measuring performance, and getting things done, fan Paul D. Epstein, Paul M. Coates, Lyle D. Wray en David Swain (San Francisco 2006) 3. ‘Wy’ wolle it oars ek net. Wit immen noch hoe’t fan 2010 ôf Provinsjale Steaten ien en mien war die foar in kulturele haadstêd foar de “gewoane man” en like unanym gjin sin hie oan “allerhanne ûndersiken, SWOT-analyses, ekonomyske effekt- en draachflak-ûndersiken en sa”?Grienlinks Steatefraksje Fryslân, Nieuwsbrief nummer 61, novimber 2010 <http://www.grienlinks.nl/2010/11/18/nieuwsbrief-nummer-61-statenfractie-grienlinks-fryslan-november-2010/> [krigen 19 maaie 2016]. Kultuerdeputearre Jannewietske de Vries hat de earder begrutte “ekstra’s” skrast.

Ynsidinteel beliedsfalen is it slimste net foar de keunst. Wat de mooglikheid fan keunst folle djipper ûnderwrot is de sosjaalpolitike filosofy dy’t ûnder it treurjen om ferlies fan mienskipsdeugd leit. It kommunitarisme stelt it belang fan mienskip foar it politike libben en foar de analyse fan politike ynstitúsjes en minsklike identiteit en wolwêzen foarop. It sjocht it ‘sels’ as in ynbêde yndividu dy’t syn identiteit sykje moat yn in oanwiisde histoaryske setting, wat him it (liberale) rjocht ûntnimt om sels syn libbensdoel en mienskip te kiezen.Kommunitaristen hâlde út dat in polityk fan algemien belang better is as de liberale neutraliteit njonken opfettingen fan it algemien belang. Yn it liberalisme is it algemien belang in optimaal lykwicht fan foarkarren dy’t allegearre like folle omtinken krije, binnen de grinzen fan respekt foar de persoanlike rjochten, mar sûnder dat in oardiel útsprutsen wurdt oer de wearde fan de foarkarren. In skries is net moaier as in flamingo. It kommunitarisme fynt dat sa’n oardiel wol útsprutsen wurde moat om’t de maatskippij allinne oerlibbet mei wearden dy’t troch elkenien erkend wurde. Om’t minsken belêste binne mei har sosjale rol (it encumbered self-argumint) soe selsbepaling (frije kar) ûnmooglik wêze, dus wize hja steatsneutraliteit ôf yn it foardiel fan in fiergeande politisearring fan de sosjale romte. Will Kymlicka, Liberalism, community, and culture (Oxford en New York 1989) 47-73; Will Kymlicka, Contemporary political philosophy (Oxford en New York 2002) 208-283, benammen 211. Syn loyaliteit oan de steat is dus net om’t it politike systeem rjochtfeardich is mar om’t de steat de drager is fan in beskate kultuer. De opfetting fan nasjonale of regionale identiteit yn it kommunitarisme leit swier de klam op in sentiminteel thúsfielen en it oerskat de rol fan kulturele bining,Cf. Margaret Moore, ‘Liberalism, communitarianism, and the politics of identity’, yn: Thomas Christiano en John Christman (red.), Contemporary debates in political philosophy (Malden, MA en Oxford, UK 2009) 322-342, 322. “The politics of identity/recognition/multiculturalism is also a fairly loose “tradition”—with multiculturalists tending to focus on particular political policies and practices, whereas theorists who self-identify as interested in the politics of identity tend to be more concerned with cultural critique.” mei as gefolch dat it kommunitarisme oerhinget nei begrinzgjen fan immens macht om de mienskip, dy’t it primaat hat, te kritisearjenWill Kymlicka, ‘Liberalism and communitarianism’, Canadian Journal of Philosophy 18:2 (1988) 181-203, 188; Will Kymlicka, ‘Communitarianism, liberalism, and superliberalism’, Critical Review 8:2 (1994) 263-284, 271. en samar by kultureel autoritarisme bedarret,Veit Bader, ‘Citizenship and exclusion: Radical democracy, community, and justice. Or, what is wrong with communitarianism?’, Political Theory 23:2 (1995), 211-246, sjoch benammen s. 217. of, om dy beskuldiging út de wei te gean, by in ûnkrityske noasje fan strange kulturele neutraliteit fan ynstitúsjes en belied, foarbygeand oan de ûnmooglikheid en ûnwinsklikens dêrfan.Veit Bader, ‘Defending differentiated policies of multiculturalism’, National Identities 9:3 (2007) 197-215, 211. It wearde hechtsjen oan in mienskiplike eigenheid hoalet de plurale maatskippij út.Arno van der Zwet, ‘Predicting Stateless, Nationalist Regionalist Party members’ attitudes to immigration: evidence from the Scottish National Party and Frisian National Party’, Paper presintearre op de UACES-konferinsje, Leeds, Feriene Keninkryk 2-4 septimber 2013 <http://uaces.org/documents/papers/1301/van_der_zwet1.pdf> [krigen 1 maaie 2016], 21-22.

Nasjonalistyske en regionalistyske bewegingen hawwe gewoanlik in kultuerpolityk dy’t de unykheid en homogeniteit fan de groep dy’t de tradisjonele wearden en mytes fan de foarfaars diele as útgongspunt nimt en hingje dêr sterker nei oer as de beweging steateleas is, lykas yn Fryslân.Arno van der Zwet, ‘To see ourselves as others see us: identity and attitudes towards immigration amongst civic nationalist’, Journal of Ethnic and Migration Studies, 23 septimber 2015, 1-15 <http://dx.doi.org/10.1080/1369183X.2015.1082284> [krigen 19 maaie 2016], 1. Op de eftergrûn spile yn de jierren njoggentich it hieltyd ûnferdraachsumere Nederlânske mono­kulturalisme. It earder polityk definiearre boargerskip waard kulturalisearre.Sjoch André Bächtiger, Markus Spörndli en Jürg Steiner, ‘The consociational theory and deliberative politics: A conceptual framework for coss-national analysis’, yn: Stephen Brooks (red.), The challenge of cultural pluralism (Westport, CT en Londen 2002) 85, dy’t foar de depolitisearring fan it Nederlânske konsosjasjonalisme ferwize nei Arend Lijphart. Elkenien moast trou swarre oan ‘ús’ ‘progressive’ liberale kultuer, om de sosjale yntegraasje, ek al is dy ôfhinklik fan sosjaalekonomyske standert en net fan ‘kultuer’ en al binne der gjin hegere morele redenen foar oan te wizen as foar ko-eksistinsje, kollaboraasje en kohesy, mar nammerste mear ynstrumintele, lykas uniformiteit.Timur Kuran en William H. Sandholm, ‘Cultural integration and its discontents’, Review of Economic Studies 75:1 (2008): 201-228. Sa learde Fryslân hoe wichtich oft it is om te besjen wat de regionalistyske narrativen no krekt betsjutte foar keunst: Fryslân sette in dei lang it ymmense swurd fan Grutte Pier foar syn keunstmuseum.

Om it ferskaat fan minsklike ûnderfiningen te omfetsjen op in manier dy’t elkenien respektearret, erkenne jo de ferskillen tusken groepen—pluralisme. Der is in groep dy’t fertsjintwurdige is troch fallussymboalen op it Saailân en in groep net-sa-grutske Friezen mei in lytser stikje Gysbert yn har,Fries Sociaal Planbureau, De Friese identiteit volgens het Fries burgerpanel, maart-april 2016 <http://www.friessociaalplanbureau.nl/sites/default/files/field_dldbl_file/fsp_fbp_over_friese_identiteit-def_0.pdf> [krigen 5 april 2016] 3: “grutske Fries.” Jan Ybema, ‘Gysbert Japicxjier los mei diskusje’, Friesch Dagblad, 23 maaie 2016, 3: ““Sa ha wy allegearre in stikje Gysbert yn ús,” fûn Skriuwersboun-foarsitter Tryntsje van der Veer.” dy’t jo dêr net begrutlik of oars minderweardich om fine wolle. Doe fleach jo skries fuort en dat koe hielendal net, dat bestie net; it drama liet sjen dat fan it gesichts­punt fan de yndividu as bewust, selsbepalend subjekt út, jo kultureel pluralisme nau ferbûn is mei in essinsjalistyske fisy op identiteit.De krityk út de hoeke fan de subjektiviteit wei is dat, oars as it multykulturalisme, it kultureel pluralisme in graad fan sosjale yntegraasje, i.e. partisipaasje, oftewol kulturele assimilaasje fan de leden ferwachtet; kultureel pluralisme is altyd fan de dominante groep út tawiisd, yntern essinsjalistysk en ekstern polarisearjend. Yn Fryslân is gjin ûndersyk dien nei wat de kondysjes binne foar kulturele en foar politike ko-eksistinsje, kollaboraasje en kohesy en likemin nei hoe’t de Fries syn omkriten ûnderfynt, as mainstream-­kultuer of as dominante kultuer, noch nei wêrom’t de nasjonalistyske/regionalistyske polityk kulturlele yntegraasje wichtich fynt, hoewol’t Van der Zwet syn ûndersyk nei de FNP (2013) guon ideeën bleat leit. Kultuer bepaalt de identiteit net, mar drukt him wol út: oan jo kultuer is net te ûntsnappenPeggy Reeves Sanday, ‘Cultural and structural pluralism in the United States’, yn: Idem (red.), Anthropology and the public interest: Fieldwork and theory (New York / San Francisco /Londen 1976) 53-73, 57-59; Austin Sarat en Thomas R. Kearns, ‘Responding to the demands of difference: An introduction’, yn: Idem (red.), Cultural pluralism, identity politics, and the law (Ann Arbor, MI 2001) 1-25, 4 et passim.—it swurdfoarbyld is hjir net sa gelokkich. Dy kultueropfetting is stridich mei de wearde dy’t de keunstner hechtet oan yndividuele autentisiteit en autonomy, oftewol oan heterogeniteit, en makket, wat de keunst oanbelanget, dat kultuerferlies net yn alle gefallen ferkeard is.

Want kulturele repressy bart net troch keunst te sensurearjen; it krijt syn beslach as net alle keunstners like frij binne om har wurk buorkundich te meitsjen. Artistike frijheid en artistike wearde hingje sterk gear. Omkeard. As weardeneutraliteit. Mar Fryske keunst- en literêre ynstitúten lokalisearje ús muze lotter yn jirpelgedichten. Koartsein, foar safier’t de kultuer de bekrêftiging is fan de regionalistyske kultuerpolityk, kin de keunstner, dy’t útgiet fan de unisiteit fan de minske, as feit en stribjen, hiel wat fan dy ienheidskultuer misse.

Oer fjirtjin dagen mear oer it ferlies fan de Koperative Utjowerij!

Noaten

  1. Bauke Tuinstra, ‘Folkskinst “Âld en nij”’, It Heitelân 16 (1934) 202-203.
  2. Ronald W. Hepburn, ‘Theories of art’, yn: David S. Cooper (red.), A companion to aesthetics (Oxford 1999) 565-570.
  3. John Guillory, Cultural capital: The problem of literary canon formation (Chicago, IL 1993) 326-327.
  4. Merlin Donald, ‘Art and cognitive evolution’, yn: Mark Turner (red.), The artful mind, cognitive science and the riddle of human creativity (New York en Oxford 2006) 13; Theodor Adorno, Aesthetic theory [1970] (Londen / New York 1997) 1, 5, 236, et passim; Max Horkheimer en Theodor W. Adorno, Dialectic of enlightenment: Philosophical fragments (Stanford, CA 2002) 127-128. Adorno syn idee fan de autonomy fan keunst giet werom op de Analytik der ästhetischen Urteilskraft fan Kant (skientme is in “Zweckmäßigkeit ohne Zweck”, I/1, § 15) en kin as dûbel opfette wurde, nammentlik as ferlies fan in direkt sosjaal doel en as de keunst syn wegerjen fan it soarte fan doelfêstens (“purposiveness”) dy’t nei de Twadde Wrâldkriich begûn wie de maatskippij te behearskjen.
  5. Gary Iseminger, ‘Aesthetic experience’, yn: Jerrold Levinson (red.), The Oxford handbook of aesthetics (New York en Oxford 2003) 99-116. Neffens Hampshire is in estetyske ûnderfining dat “the spectator/critic (...) needs to suspend his natural sense of purpose and significance (...) Nothing but holding an object still in attention, by itself and for itself, would count as having an aesthetic interest in it.” Stuart Hampshire, ‘Logic and appreciation’, yn: William Elton (red.), Aesthetics and language (Oxford 1954) 161-169, 166-167.
  6. Charles Esche, ‘How to grow possibility: The potential roles of academies’, 2007, lêzing op de presintaasje fan de earste AIR-publikaasje op 11 jannewaris 2007 yn Amsterdam <http://www.ahk.nl/fileadmin/download/ahk/Lectoraten/kunstpraktijk/AIR_Esche_let_s_suppose.pdf> [krigen 19 maaie 2016], 11.
  7. Arnold Hauser, The sociology of art (Chicago, IL 1982) 21-22; sjoch foar de psychologyske beneiering Ladislav Kesner, ‘The predictive mind and the experience of visual art work’, Frontiers in Psychology 5:1417 (2014) 1-13. “[V]iewers must be able to tune or adapt their prediction mechanism to recognize art as a specific class of objects whose ontological nature defies predictability.” (1)
  8. Robert L. Solso, The psychology of art and the evolution of the conscious brain (Cambridge, MA 2003) 3; Merlin Donald, ‘Art and cognitive evolution’, yn: Mark Turner (red.), The artful mind, cognitive science and the riddle of human creativity (New York en Oxford 2006) 12; sjoch foar de kritysk-teoretyske beneiering Theodor Adorno, Aesthetic theory [1970] (Londen / New York 1997) 103: “As soon as the artwork (...) begins to display outwardly wat cannot become art—canvas and mere tones—it becomes its own enemy, the direct and false continuation of purposeful rationality. This tendency culminates in the happening.”
  9. Sels yn de tradisjonele keunstopfetting fan ‘beholding the object’, dêr’t de wearde fan it keunstwurk net ôfhinklik is fan de erkenning fan it publyk, is de rol fan it publyk de ynterpretearjende. De aktive publyks­bydrage oan saneamde partisipaasjekeunst bestiet derút op foarskreaune wize te skriuwen, draaien, rinnen, razen, iten of drinken en net om sels betsjutting te meitsjen. Sjoch bygelyks Ray Mark Rinaldi, ‘Art and the active audience: Participatory art changes audience role from viewer to doer’, The Denver Post, 31 desimber 2012 <http://www.denverpost.com/ci_22288730/art-and-active-audience-participatory-art-changes-audience> [krigen 19 maaie 2016].
  10. Anna Marie Schuh, ‘Every post is honorable’, PA Times, 9 febrewaris 2016 <http://patimes.org/post-honorable/> [krigen 19 maaie 2016].
  11. Albert Hendriks, ‘Het woord dat scoort: Mienskip!’, Friesland Holland Nieuws, 9 septimber 2013 <http://www.frieslandhollandnieuws.nl/entry/het-woord-dat-scoort-mienskip> [krigen 19 maaie 2016].
  12. George A. Hillery, Jr., ‘Definitions of community: Areas of agreement.’Rural sociology 20:2 (1955) 111-123, 117, et passim.
  13. Educational Resources Information Center, in internet-based digitale bibleteek fan ûnderwiisûndersyk en -ynformaasje, sponsorre troch it Amerikaanske ministearje fan Underwiis.
  14. Daniel Perlstein, ‘Community and democracy in American schools: Arthurdale and the fate of progressive education’, Teachers College Record 97:4 (1996) 625-650.
  15. Ernesto Laclau, ‘Politics and the limits of modernity’, Social Text 21 (1989) 63-82, 70-71; Ernesto Laclau en Chantal Mouffe, Hegemony and socialist strategy: Towards a radical democratic politics [1985] (Londen en New York 2001) 134-136. Laclau en Mouffe definiearje polityk as it stribjen nei hegemony troch it feroverjen fan wat Laclau ‘floating signifiers’ of ‘empty signifiers’ neamt, dy’t diskursyf oer-determinearre en libidinaal binne en sadwaande foar subjekten op ferskillende sosjale posysjes ferskillende sosjale easken artikulearje.
  16. Cezar M. Ornatowski en Linn K. Bekins, ‘What's civic about technical communication? Technical communication and the rhetoric of “Community”’, Technical Community Quarterly 13:3 (2004) 251-269.
  17. Lester C. Olson, ‘Rhetoric and community: Studies in nity and fragmentation (review)’, Philosophy and Rhetoric 33:2 (2000) 182-186, 182.
  18. It skatten, útsluten of kontrolearjen fan kofaktoaren dy’t fan ynfloed binne op de sosjale prestaasje is net te dwaan. Sjoch foar de tûkelteammen it “Effective Governance Model”, út it boek Results that matter: Improving communities by engaging citizens, measuring performance, and getting things done, fan Paul D. Epstein, Paul M. Coates, Lyle D. Wray en David Swain (San Francisco 2006) 3.
  19. Grienlinks Steatefraksje Fryslân, Nieuwsbrief nummer 61, novimber 2010 <http://www.grienlinks.nl/2010/11/18/nieuwsbrief-nummer-61-statenfractie-grienlinks-fryslan-november-2010/> [krigen 19 maaie 2016]. Kultuerdeputearre Jannewietske de Vries hat de earder begrutte “ekstra’s” skrast.
  20. Kommunitaristen hâlde út dat in polityk fan algemien belang better is as de liberale neutraliteit njonken opfettingen fan it algemien belang. Yn it liberalisme is it algemien belang in optimaal lykwicht fan foarkarren dy’t allegearre like folle omtinken krije, binnen de grinzen fan respekt foar de persoanlike rjochten, mar sûnder dat in oardiel útsprutsen wurdt oer de wearde fan de foarkarren. In skries is net moaier as in flamingo. It kommunitarisme fynt dat sa’n oardiel wol útsprutsen wurde moat om’t de maatskippij allinne oerlibbet mei wearden dy’t troch elkenien erkend wurde. Om’t minsken belêste binne mei har sosjale rol (it encumbered self-argumint) soe selsbepaling (frije kar) ûnmooglik wêze, dus wize hja steatsneutraliteit ôf yn it foardiel fan in fiergeande politisearring fan de sosjale romte. Will Kymlicka, Liberalism, community, and culture (Oxford en New York 1989) 47-73; Will Kymlicka, Contemporary political philosophy (Oxford en New York 2002) 208-283, benammen 211.
  21. Cf. Margaret Moore, ‘Liberalism, communitarianism, and the politics of identity’, yn: Thomas Christiano en John Christman (red.), Contemporary debates in political philosophy (Malden, MA en Oxford, UK 2009) 322-342, 322. “The politics of identity/recognition/multiculturalism is also a fairly loose “tradition”—with multiculturalists tending to focus on particular political policies and practices, whereas theorists who self-identify as interested in the politics of identity tend to be more concerned with cultural critique.”
  22. Will Kymlicka, ‘Liberalism and communitarianism’, Canadian Journal of Philosophy 18:2 (1988) 181-203, 188; Will Kymlicka, ‘Communitarianism, liberalism, and superliberalism’, Critical Review 8:2 (1994) 263-284, 271.
  23. Veit Bader, ‘Citizenship and exclusion: Radical democracy, community, and justice. Or, what is wrong with communitarianism?’, Political Theory 23:2 (1995), 211-246, sjoch benammen s. 217.
  24. Veit Bader, ‘Defending differentiated policies of multiculturalism’, National Identities 9:3 (2007) 197-215, 211.
  25. Arno van der Zwet, ‘Predicting Stateless, Nationalist Regionalist Party members’ attitudes to immigration: evidence from the Scottish National Party and Frisian National Party’, Paper presintearre op de UACES-konferinsje, Leeds, Feriene Keninkryk 2-4 septimber 2013 <http://uaces.org/documents/papers/1301/van_der_zwet1.pdf> [krigen 1 maaie 2016], 21-22.
  26. Arno van der Zwet, ‘To see ourselves as others see us: identity and attitudes towards immigration amongst civic nationalist’, Journal of Ethnic and Migration Studies, 23 septimber 2015, 1-15 <http://dx.doi.org/10.1080/1369183X.2015.1082284> [krigen 19 maaie 2016], 1.
  27. Sjoch André Bächtiger, Markus Spörndli en Jürg Steiner, ‘The consociational theory and deliberative politics: A conceptual framework for coss-national analysis’, yn: Stephen Brooks (red.), The challenge of cultural pluralism (Westport, CT en Londen 2002) 85, dy’t foar de depolitisearring fan it Nederlânske konsosjasjonalisme ferwize nei Arend Lijphart.
  28. Timur Kuran en William H. Sandholm, ‘Cultural integration and its discontents’, Review of Economic Studies 75:1 (2008): 201-228.
  29. Fries Sociaal Planbureau, De Friese identiteit volgens het Fries burgerpanel, maart-april 2016 <http://www.friessociaalplanbureau.nl/sites/default/files/field_dldbl_file/fsp_fbp_over_friese_identiteit-def_0.pdf> [krigen 5 april 2016] 3: “grutske Fries.” Jan Ybema, ‘Gysbert Japicxjier los mei diskusje’, Friesch Dagblad, 23 maaie 2016, 3: ‘“Sa ha wy allegearre in stikje Gysbert yn ús,” fûn Skriuwersboun-foarsitter Tryntsje van der Veer.’
  30. De krityk út de hoeke fan de subjektiviteit wei is dat, oars as it multykulturalisme, it kultureel pluralisme in graad fan sosjale yntegraasje, i.e. partisipaasje, oftewol kulturele assimilaasje fan de leden ferwachtet; kultureel pluralisme is altyd fan de dominante groep út tawiisd, yntern essinsjalistysk en ekstern polarisearjend. Yn Fryslân is gjin ûndersyk dien nei wat de kondysjes binne foar kulturele en foar politike ko-eksistinsje, kollaboraasje en kohesy en likemin nei hoe’t de Fries syn omkriten ûnderfynt, as mainstream-kultuer of as dominante kultuer, noch nei wêrom’t de nasjonalistyske/regionalistyske polityk kulturlele yntegraasje wichtich fynt, hoewol’t Van der Zwet syn ûndersyk nei de FNP (2013) guon ideeën bleat leit.
  31. Peggy Reeves Sanday, ‘Cultural and structural pluralism in the United States’, yn: Idem (red.), Anthropology and the public interest: Fieldwork and theory (New York / San Francisco /Londen 1976) 53-73, 57-59; Austin Sarat en Thomas R. Kearns, ‘Responding to the demands of difference: An introduction’, yn: Idem (red.), Cultural pluralism, identity politics, and the law (Ann Arbor, MI 2001) 1-25, 4 et passim.

Foaropwurd 2.10

Fers2, 15 maaie 2016

Kultuerferlies VIII: It FLMD

image

De Googleknop I’m Feeling Lucky smyt by ‘frysk letterkundich museum en dokumintaasjesintrum’ in foto op fan in wenhûs mei in wyt kalke gevel en twa gesellich yn seizen ferparte grutte ruten. Under dy foto rint in alarmearjend reade balke. Dêryn stiet de tekst: “Permanently closed.” Fierder googlejen liedt nei in Youtubefideo fan in taspraak oer de Gysbert Japicxseal yn Tresoar,Taspraak fan Bert Looper. Tresoar, ‘50-jarig bestaan FLMD / 50-jierig bestean FLMD’, Youtube, 18 septimber 2009 <https://www.youtube.com/watch?v=dtp-Yc72FmU> [krigen 2 maaie 2016]. jo witte, de as in Wûnderlike ikoan fan de Heit fan ús Allegearre yn de Timpel fan it Delfarren fan de Hillige Fryske Muze ynrjochte seal mei skrinen fol lettere-relatearre idoalen en reliken. Efter de tsjinslaggen by de ferbouwing fan dy seal yn 2009 soe in komplot sitte—de sprekker is ús Tresoardirekteur—mar it nuverste fan de fideo is syn titel, ‘50-jierig bestean FLMD’. Nee, wy sizze dêr neat oer. It struien, of as jo wolle, it tsjok mei staveringsflaters besmarren fan de iepenbiere sfear, is in komplot, bêste lêzer, bedoeld om de goedwollende kultuerkritikus fan syn spoar ôf te lokjen. Boppedat is it ferhúgjend dat ‘50’, ‘bestean’ en ‘FLMD’ wol goed stavere binne. Werom nei de haadsaak.

Yn 2009 stiet der in artikel yn de Letterhoeke, ‘Yn Tresoar libbet it FLMD troch’, en yn Zacht Lawijd noch ien, ‘50 jaar Fries letterkundig museum’. Sân jier earder, op 2 septimber 2002, op de foarljochtingsgearkomste fan it hagelnije Tresoar sei de âldkonservator fan it FLMD: “It FLMD is krekt gjin 44 jier.”Tineke Steenmeijer-Wielinga, konservator fan it FLMD oant desimber 2002. ‘Stoelendans om banen in Tresoar’, >Leeuwarder Courant, >3 septimber 2002, 9. It FLMD is oprjochte op 10 septimber 1959 en opgien yn de fusy mei de Provinsjale Bibleteek (PB) en it Ryksargyf ta it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar op 1 septimber 2002. It hat 42 jier, 11 moannen en 20 dagen bestien. Mei in bytsje goede wille is dat hast 44 jier. Mei in flinke poarsje goede wille is it hast 50 jier. Mar men moat de goede wille hawwe fan in transindinte elevaasjeyogi, fier ferheft boppe ierdske maltintigens en tiid, om it FLMD 50 jier oan te wriuwen. It Letterhoeke-artikel makket yn de ûnderkop wol dúdlik dat de stifting FLMD 50 jier bestietMarijke de Boer, ‘Yn Tresoar libbet it FLMD troch’, Letterhoeke 5:2 (2009) 6-9. en it Zacht Lawijd-artikel fertelt yn de lêste rigels fan 7 tichte A4-fellen: “Het FLMD is sedert enkele jaren opgenomen in een breder verband.”Ernst Bruinsma, ‘50 jaar Fries letterkundig museum’, Zacht Lawijd 8:1 (2009) 26-39, 38. Mar se sizze net dat de ynstelling FLMD net bestiet. Sels yn in ûndersyksrapport nei de útfiering fan it Hânfêst, fan de Rie fan Europa, neamt de ynstelling FLMD yn 2006-2007,Public Foundation for European Comparative Minority Research 2006–2007, ‘Database for the European Charter for Regional or Minority Languages, article 12, paragraph 1, sub-paragraph b. cultural activities and facilities’, Council of Europe <http://www.coe.int/en/> [krigen 9 maaie 2016]. as wie der neat bard.

Der is in grut ferskil tusken stifting en ynstelling. De stifting FLMD beheart twa fûnsen mei “it doel (...) om projekten te stypjen dy’t bliuwende wearde hawwe kinne foar de Fryske literatuer.”‘Wolkom by Stifting FLMD’, Stifting FLMD <http://www.stiftingflmd.frl/> [krigen 2 maaie 2016]. De ynstelling FLMD hie as kearndoel it sammeljen fan hânskriften, ek fan hjoeddeiske skriuwers, foar de literatuerstúdzje, sa seit Fryske Akademydirekteur Jelle Brouwer yn 1956.‘ “It útlân jowt mear omtinken oan Fryske tael as Hollân”’, Leeuwarder Courant, 1 septimber 1956, 15. De doelstelling fan it FLMD is sammeljen, konservearjen en útstallen (i.e. museumwurk) fan “hânskriften, printkladden mei oantekens fan de skriuwer, brieven fan en oer letterkundigen, foto’s en en oare ôfbyldingen fan skriuwers, lûdbannen en kranteknipsels” en it oanlizzen en byhâlden fan in bibliografysk apparaat, ‘Frysk Letterkundich Museum liet hearre wat it wol’, Leeuwarder Courant, 30 desimber 1959, 5. “It [museum] bringt alderhanne dingen gear oer skriuwers en oer har wurk. Dat kin men tige letterlik nimme en dan hearre meubels, aparte dingen (kuriosa) en sels folsleine boekerijen der ek by,” sei Jelle Brouwer, sjoch ‘Der komt yn it Coulonhûs in Frysk Letterkundich Museum’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 1959, 9. Brouwer naam dêrmei in modern stânpunt yn njonken it argivearjen, dat gjin strang ûnderskied mear makke tusken persoanlike dokuminten en oare argyfstikken, mar al it materiaal seach as ûnderling ferbûn en garre om syn funksje of brûkberens. Undersyk nei Brouwers argyfteory en -praksis is yn tarieding. In jier letter fertelt Jan Piebenga op de jiergearkomste fan de Akademy yn de Harmonie dat er dalik nei’t yn 1937 de wet Frysk ûnderwiis mooglik makke, útein set is mei it skriuwen fan stikken Fryske skriftekennisse. Nei tweintich jier fan letterkundige stúdzje warskôget er: “It stiftsjen fan in letterkundich museum baarnt op ’e neil. Der rekket yn Fryslân folle mear wei as yn oare literatueren en ik hoopje dan ek dat Akademy en Prov. Bibliotheek sa gau as it kin sa’n museum tariede sille.”‘Fryske Akademy wol f70.000 sammelje foar in nije oanbou’, Leeuwarder Courant, 2 septimber 1957, 9.

Dat sil net barre om’t de provinsje sa’n argyf net by de oare ynstellingen ha wol, mar as selstannich ynstitút, mei in eigen taak.‘Der komt yn it Coulonhûs in Frysk Letterkundich Museum’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 1959, 9; ‘Frysk letterkundich museum en dokumintaasjesintrum’, Friese Koerier, 30 desimber 1959, 5. Gerrit Borgers, haadkonservator fan it Letterkundig museum en documentatiecentrum yn De Haach is by de plannemakkerij belutsen stelt mei Sjoerd Douma, direkteur fan de provinsjale bibleteek, en Jelle Brouwer, wittenskiplik direkteur fan de Fryske Akademy, in plan op foar provinsjale steaten. Yn maaie 1959 wurdt besletten dat op de romme souder fan it ferboude Coulonhûs, boppe de Frysk Wurdboekseal en de keamer fan de wittenskiplik direkteur op de earste ferdjipping, it Frysk Letterkundich Museum komt.‘Frysk letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum’ ’, Friese Koerier, 11 septimber 1959, 7. Marten Scholten wurdt konservator, hy arbeidet op mei it Letterkundig museum yn De Haach en mei it Museum voor het Vlaamse Cultuurleven yn Antwerpen én mei de skriuwers fan Fryslân.‘Frysk Letterkundich Museum liet hearre wat it wol’, Leeuwarder Courant, 30 desimber 1959, 5. Yn 1969 ferhuzet it FLMD nei in foarnaam doktershûs yn de Grutte Tsjerketrjitte en folget Freark Dam Scholten op as konservator. Al gau ferhuzet it FLMD opnij. Der komt personiel, in ûnderdirekteur en in direkteur. Yn 1991 jout de provinsje it FLMD in nije taak, literatuer­befoardering.“8.11. At the request of the Provincial Executive of Fryslân, the Museum and Documentation Centre for Frisian Literature has since 1991 played a role in promoting the literary climate in the province. For this purpose the Centre has appointed a coordinator for the promotion of Frisian literature. Under its terms of reference the Centre also has a responsibility for assisting Frisian authors. It regularly holds courses and workshops for the benefit of writers of Frisian literary texts.” (s. 20) Public Foundation for European Comparative Minority Research 2006–2007, ‘Database for the European Charter for Regional or Minority Languages, article 12, paragraph 1, sub-paragraph b. cultural activities and facilities’, Council of Europe <http://www.coe.int/en/> [krigen 9 maaie 2016]. De skriuwkursussen begjinne en binne—metten nei dielnimmerstallen—súksesfol.‘Kursussen foar skriuwers lutsen 53 dielnimmers’, Leeuwarder Courant, 22 april 1992, 23. Oanhelle wurdt it jierferslach 1991 fan it FLMD. Bouke Oldenhof, de earste literatuer­befoarderer, hat sjoen hoe’t oare organisaasjes dy’t har mei it Frysk dwaande hâlde de literatuer befoarderje en as útkomst dêrfan workshops en kursussen organisearre. Oan de museumfunksje wurdt ynhâld jûn mei allerhanne útstallingen. Yn 1999 is it buzjet ƒ 10 miljoen en der wurdt flink ferboud, om by de tiid te bliuwen. Undersikers moatte op basis fan it literêr argyf in mannichte biografyen en oare artikelen skriuwe, al wiist literatuer­ûndersiker Philippus Breuker der súntsjes op dat “de niget oan ûndersyk by Frysk (...) in seldsumheid wurden” is.P. de G. [Pieter de Groot], ‘FLMD hat him yn fjirtich jier ûnmisber makke’, Leeuwarder Courant, 25 juny 1999, 24. Yndie wie de de niget oan literatuer by de Fryske Akademy wilens ôfstoarn en koe dêrom it FLMD better de advysfunksje oan de provinsje oernimme—

Hjir blykt al it mankemint fan brave gronology. It totaalbyld fan ’e stoarje, oarsaken? Ferselsstannigjen PB? Wannear wie dêr foar it earst praat fan? Yn 2001, op de iepening fan de ferboude PB, seit de kultuerdeputearre dat de ferselsstanniging fan de baan is: “In gelokkich tafal is dat beide gebouwen, PB en Ryksargyf, ûntwurpen binne troch deselde arsjitekt.”Pieter de Groot, ‘Synergy oan de Bûterhoeke’, Leeuwarder Courant, 6 july 2001, 26. Kultuerdeputearre wie Bertus Mulder. Dat is letterlike fasadekultuer. De troch in komplot behindere ferbouwing yn Tresoar is al neamd. Tresoar syn KH2018-projekt Lân fan taal bestiet út in ynterne ferbouwing fan Tresoar plus in grienstripe foar de gevel.Persoanlike meidieling fan ien fan de organisators. Yn 1999 krijt it FLMD, dat al yn petear is oer fusy en ferhuzing, in “face-lift” dy’t it ryk ƒ 28.000 en de provinsje ƒ 25.000 kostet. “De presintaasje oan ’e bûtenkant is ek in stik ferbettere. Nimmen kin der mear om hinne: grutte banieren mei de letters FLMD yn Grutte Tsjerkestrjitte en Beijerstrjitte meitsje it publyk al fan fierens op it museum yndachtich,” seit de krante sûnder in spoar fan irony.Pieter de Groot, ‘Karrûsel Fryske literatuer yn fernijd FLMD’, Leeuwarder Courant, 5 novimber 1999, 28. Mar it besikerssifer rint yn 2000 werom nei 4000 besikers en yn 2001 komme der opnij net mear as 4000 besikers; wol binne der hast 15.000 ynternetbesikers, mar dy fernimme de djoere facelift net.‘FLMD vast op 4000 bezoekers’, Leeuwarder Courant, 4 maaie 2002, 11. Yn in brief fan 7 febrewaris 2000 leit de steatssekretaris fan Kultuer, in ekonoom, út dat er argiven safolle mooglik fusearje wol. Dalik geane PB (en Buma Bibleteek), FLMD, Ryksargyf en earder-gemeenteargyf-no-Histoarysk Sintrum Ljouwert meiinoar yn petear. Al op 27 april is der in stjoergroep ynstallearre op it Provinsjehûs.Brief Tweede Kamer, 2002, document 21919: Bijlage bij de Regeling Letterhoeke <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/kamerstukken/2005/10/14/bijlage-bijlage-bij-de-regeling-letterhoeke/brief2k-2002-doc-21919d.pdf> [krigen 3 maaie 2016].

Dat gie sa hurd, wis wie dat foarsean, ‘wiegele’ yn geef Frysk.Frits Abrahams, ‘Wiegelen’, NRC, 23 novimber 2005 <http://vorige.nrc.nl//100jaar_voorpaginas/article1641678.ece/Wiegelen> [krigen 9 maaie 2016]. Kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel wie yn 1989 de arsjitekt fan it heareakkoart dy’t de ruil tusken Grins en Ljouwert ynhold fan (net wittenskiplik) ûnderwiis, dat nei Ljouwert kaam, en kultuer, dy’t nei Grins gie. Mar earst nei de kwantifikaasjes. Wêrom besiket it FLMD himsels te bewizen mei besikerssifers, as argyf? De IT definiearret ‘argyf’ as data dy’t gjinien ha wol mar dy’t jo ek net ‘delete’ kinne, sadat jo se út it haadbestân helje en earne yn in klûs fansiden bergje en wa’t it noch ris lêze wol siket it mar út. No binne wy net allegearre IT-ers, mar de seldsume populêre argiven op ’e wrâld binne dy fan regearskandalen en fan mediaspektakels oer searjemoardners.Michael Lynch, ‘Archives in formation: privileged spaces, popular archives and paper trails’, History of the Human Sciences 12:2 (1999) 65-87. Tresoar mei ek de geheime dokuminten fan de Provinsje Fryslân bewarje,Provinsjale Steaten fan Fryslân, ‘Archiefverordening Provincie Fryslân 2014’, 23 april 2014, Provinciaal Blad, 2015, 1126. mar it FLMD die dat net. En literêre searjemoardners bestean net om’t der te min Fryske skriuwers binne om in searje te foarmjen. In argyf moat it hawwe fan syn kwaliteit. It Tresoarargyf is prima tsjinstferliening, like goed as Stadsarchief of NIOD yn Amsterdam, mar ek dêr der komme gjin massa’s minsken.

Dat it FLMD syn wurk dochs kwantifisearre komt troch de performance management yn it publike belied, dy’t nei de twadde wrâldkriich trend waard en dy’t it mjitten fan prestaasjes ta de alfa en omega fan it belied makke.Wouter van Dooren, Geert Bouckaert en John Halligan, Performance management in the public sector (Londen/New York 2010) 32. Mar wat binne 15.000 ynternetbesikers en 265 nije objekten? Om’t de krekte ynformaasje net beskikber is, is it mjitresultaat net sekeur. Hoewol’t rasjonaliteit, feitlikheid, transparantens en oare wearden dêr’t op it earste gesicht neat mis mei is, liedend binne, binne de sifers fan it FLMD net mear as in kwalitatyf oardiel,Michiel S. de Vries en Juraj Nemec, Global trends in public sector reform (Brussel: Bruylant, 2012). ‘wy binne okee’. Dêrneist bliuwt kultuerbelied fansels in kwestje fan kwalifikaasje, net kwantifikaasje. Dus kaam der in weach fan protest tsjin de oerheid om de sneue behanneling fan it FLMD dat wilens de skurte, it foarum en it gesicht fan de skriuwers wie?

Nee. Der kaam krityk op it FLMD. Dat wie gjin derridajaansk warskôgjen tsjin de organisearjende en reorganisearjende aard fan it argyf—alle argiven—sels.Jacques Derrida en Eric Prenowitz, ‘Archive fever: A Freudian impression’, Diacritics 25:2 (1995) 9-63. Organisearre oardering fan it ‘feitemateriaal’ makket dat it argyf net in neutraal ding is, polityk noch kultureel, mar de krityk gie net oer it argivearjen fan it FLMD. In klacht wie dat in FLMD-útstalling fan Fryske oersettingen de Fryske kultuer sjen liet as behyplik, want om’t de Fryske bibeloersetting krekt hiel let kaam, soe ek it oare oersetten net op gong kommen wêze.Asing Walthaus, ‘Idioate ambysje en klearebare tafal’, Leeuwarder Courant, 18 maaie 2001, 30. No strykt it stânpunt wol dat it fersprieden fan de offisjele taal gie fia de bibels dy’t mei de Gutenbergparse printe wurde koene yn sprektalen, mar de Fryske sprektaal hat amper romte krigen. Yn de kultuernota dy’t de steatssekretaris fan Kultuer—deselde as dy’t graach argiven fusearje woe—yn 1999 útbrocht waard net eksplisyt op de Fryske taal yngien, al wie der wol wat ryksjild foar Fryske aktiviteiten. Yn de nije nota dy’t yn 2003 kaam waard opnij de Fryske taal net besprutsen.Earste Keamer, Derde periodieke rapportage inzake de maatregelen welke Nederland heeft getroffen ten aanzien van de Friese taal en cultuur (Den Haag/Leeuwarden: Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties en Fryske Akademy, 2008). Cultuurnota 2001-2004 ‘Cultuur als confrontatie’ , 1999; skreaun troch steatssekretaris Rick van der Ploeg. Cultuurnota 2005-2008 ‘Meer dan de som’, 2003; skreaun troch Medy van der Laan. Dy oersetútstalling wie de FLMD-direkteur har middelfinger nei De Haach; twa jier earder, by it fjirtichjierrich bestean fan it FLMD, hie se de flagge op ’e kop hongen.“Bij het Frysk Letterkundich Museum (FLMD) hing vorige week donderdag de Friese vlag uit omdat de instelling veertig jaar bestond. De vlag hing echter wel op de kop stelde G en G [Gehoord en Gezien] vast. FLMD-directeur Tineke Steenmeijer legt in een een brief aan G en G uit dat zoiets niet anders kan. De vlag is zo gemaakt dat de pompeblêden alleen aan een verticale vlaggestok met de opening naar boven hangen. En dat is zoals het hoort... Bij het FLMD hing de vlag echter aan een horizontale stok en dan hangen de pompeblêden “logyskerwiis” minder rechtop. Maar daarmee is volgens Tineke Steenmeijer nog niet gezegd dat de vlag op zijn kop hangt.” ‘Gehoord en Gezien’, Leeuwarder Courant, 18 novimber 1999, 19. De oare krityk, likemin konstruktyf, gie oer “de sleauwe en meagere literatuer­befoarderings­aktiviteiten fan it FLMD.”Ein novimber 2002 is der in nije skriuwersfakbûn oprjochte, de Frije Fryske (Ynternet) Skriuwers (FFYS), dy’t protestearret tsjin it “struktureel sloffe belied” fan it Skriuwersboun, de “de sleauwe en meagere literatuer­befoarderings­aktiviteiten fan it FLMD” en tsjin it media- en literatuer­belied fan de provinsje dat neffens FFYS te folle rjochte is op taalbefoarderingsaktiviteiten foar in breed publyk. ‘Twadde fakbun foar Fryske skriuwers’, Leeuwarder Courant, 27 novimber 2002, 9. Hoe’t in five, grouwe befoardering derút sjen moat seine de kritisy net. It sit sa. Literatuer­befoardering yn minderheidstalen is meastal keppele oan ûnderwiis.Sjoch bygelyks Dan Hull, ‘Regional and minority language academies’, Northern Ireland Assembly, 2013 <http://www.niassembly.gov.uk/globalassets/Documents/RaISe/Publications/2014/culture_arts_leisure/5314.pdf> [9 maaie 2016]. Frysk ûnderwiis is der hast net: jo kinne net ferwachtsje dat literatuer­befoardering wat úthellet. It is fasadepolityk.

Werom nei it gelokkige tafal fan de deputearre. Kultuerwethâlder fan Ljouwert en baas fan it Gemeenteargyf Arno Brok woe, mids 1998,‘PB schuift aan bij gesprek archieven’, Leeuwarder Courant, 23 desimber 1999, 7. in gearfoegjen fan ryks- en gemeenteargiven sa’t dat ek yn oare provinsjes dien waard, mei in bedrach oan rykssubsydzje foar de fusy. It Gemeenteargyf hie in probleem om’t it net mear oan de easken foldie en it depot ek al gau te lyts wurde soe. Mar Brok tocht grutter. In “cultuurhistorisch documentatiecentrum” soe alderhanne oerkoepeljende projekten organisearje en brede tsjinsten leverje moatte dy’t foar elke terp yn Fryslân like wichtich binne. Sa’n sintrum soe Ljouwert sjen litte as de haadstêd fan in twatalich gebiet en sadwaande kâns meitsje op Europeeske subsydzje. Mar Brok socht yn it foarste plak oparbeidzjen mei de oare Fryske gemeentes. It FLMD en it Ryksargyf fûnen dat earst de fusy tusken harren en it Gemeenteargyf der komme moast. Dan kamen de oare gemeenteargiven fansels wol seine se.‘Leeuwarden wil provinciaal archiefcentrum’, Leeuwarder Courant, 18 desimber 1999, 17. Mar wêrom woe of koe it FLMD net selsstannich fierder, wylst it earst fan Provinsjale Steaten just selsstannich wêze moast?

De krante seit dat de fusystjoergroep opdracht jûn hat oan it grutte akkountentskantoar Deloitte en Touche, yn de boeremûle Toilet & Douche, om, op grûn fan ûndersyk, de bêste kar te meitsjen út oparbeidzjen of fusy.Pieter de Groot, ‘Synergy oan de Bûterhoeke’, Leeuwarder Courant, 6 july 2001, 26. Kultuerdeputearre wie Bertus Mulder. Akkountentskontroleurs rekkenje de begrutting by ferselsstannigings-, fusy- en reorganisaasjeplannen troch. Se kinne de telflaters en finansjele risiko’s oanwize. Dat is wat se dogge. Wat se net dogge is bêste karren meitsje. Ek hat de steatssekretaris neat ôftwongen, ommers it gemeenteargyf bleau selsstannich.Under it ûndersyk troch it akkountentskantoar stapte de gemeente Ljouwert der út. Sjoch Jan Folkerts, ‘HSL en Ryksargyf’, Leeuwarder Courant, 10 july 2001, 5. De stjoergroep, foarsitten troch deputearre fan Kultuer Mulder, keas sels foar de fusy. “De conclusies in het rapport Deloitte & Touche waren voor de stuurgroep aanleiding om op 10 januari 2001 de bevoegde gezagen van de drie instanties te adviseren om een fusie van de PB, het Ryksargyf en het FLMD in één gezamenlijke huisvesting aan de Boterhoek in Leeuwarden concreet uit te gaan werken.”Brief Tweede Kamer, 2002, document 21919: Bijlage bij de Regeling Letterhoeke <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/kamerstukken/2005/10/14/bijlage-bijlage-bij-de-regeling-letterhoeke/brief2k-2002-doc-21919d.pdf> [krigen 3 maaie 2016]. Us kursyf.

Sa ferlear Fryslân syn iennichste ynstelling foar Fryske letterkunde en wat it slimmer makket, ien dy’t analyses útfierde dy’t direkt ta de praktyske ûnderfining sprekke en dy’t dêrom altyd de akademyske letterkunde mei al syn gatekeepers oanfolje moat.Matthew McCaffrey, The importance of literary criticism from a free-market perspective, Mises Daily, 13 augustus 2014 <https://mises.org/library/importance-literary-criticism-free-market-perspective> [krigen 9 maaie 2016]. De yn de fusy wûne machtsstruktuer redusearre de skriuwers fan partisipanten ta inkeld konsuminten. Net langer wie it sammeljen proaktyf, outreaching en modern; digitaal wurk gie foar ivich ferlern. Mar protest kaam der net. Wol wie ien fan de punten yn it yn 2011 op fersyk fan Tresoar skreaun advysrapport oer de rol fan Tresoar as literatuer­befoarderder, dat it FLMD syn werkenbere gesicht weromkrige. “Onder cultuurproducenten zal een gevoelen ontstaan dat het FLMD ‘van ons’ en ‘voor ons’ is.”Abe de Vries, ‘Tresoar en de Friestalige cultuur’, (konsept)advys literatuer­befoardering Tresoar, 2011. Net publisearre. Der kaam gjin reaksje. Want wêr slacht sa’n advys no op—it FLMD is der ommers noch gewoan?

Oer fjirtjin dagen mear oer it ferlies fan de literêre muze!

Noaten

  1. Taspraak fan Bert Looper. Tresoar, ‘50-jarig bestaan FLMD / 50-jierig bestean FLMD’, Youtube, 18 septimber 2009 <https://www.youtube.com/watch?v=dtp-Yc72FmU> [krigen 2 maaie 2016].
  2. Tineke Steenmeijer-Wielinga, konservator fan it FLMD oant desimber 2002. ‘Stoelendans om banen in Tresoar’, >Leeuwarder Courant, >3 septimber 2002, 9.
  3. Marijke de Boer, ‘Yn Tresoar libbet it FLMD troch’, Letterhoeke 5:2 (2009) 6-9.
  4. Ernst Bruinsma, ‘50 jaar Fries letterkundig museum’, Zacht Lawijd 8:1 (2009) 26-39, 38.
  5. Public Foundation for European Comparative Minority Research 2006–2007, ‘Database for the European Charter for Regional or Minority Languages, article 12, paragraph 1, sub-paragraph b. cultural activities and facilities’, Council of Europe <http://www.coe.int/en/> [krigen 9 maaie 2016].
  6. ‘Wolkom by Stifting FLMD’, Stifting FLMD <http://www.stiftingflmd.frl/> [krigen 2 maaie 2016].
  7. ‘ “It útlân jowt mear omtinken oan Fryske tael as Hollân”’, Leeuwarder Courant, 1 septimber 1956, 15. De doelstelling fan it FLMD is sammeljen, konservearjen en útstallen (i.e. museumwurk) fan “hânskriften, printkladden mei oantekens fan de skriuwer, brieven fan en oer letterkundigen, foto’s en en oare ôfbyldingen fan skriuwers, lûdbannen en kranteknipsels” en it oanlizzen en byhâlden fan in bibliografysk apparaat, ‘Frysk Letterkundich Museum liet hearre wat it wol’, Leeuwarder Courant, 30 desimber 1959, 5. “It [museum] bringt alderhanne dingen gear oer skriuwers en oer har wurk. Dat kin men tige letterlik nimme en dan hearre meubels, aparte dingen (kuriosa) en sels folsleine boekerijen der ek by,” sei Jelle Brouwer, sjoch ‘Der komt yn it Coulonhûs in Frysk Letterkundich Museum’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 1959, 9. Brouwer naam dêrmei in modern stânpunt yn njonken it argivearjen, dat gjin strang ûnderskied mear makke tusken persoanlike dokuminten en oare argyfstikken, mar al it materiaal seach as ûnderling ferbûn en garre om syn funksje of brûkberens. Undersyk nei Brouwers argyfteory en -praksis is yn tarieding.
  8. ‘Fryske Akademy wol f70.000 sammelje foar in nije oanbou’, Leeuwarder Courant, 2 septimber 1957, 9.
  9. ‘Der komt yn it Coulonhûs in Frysk Letterkundich Museum’, Leeuwarder Courant, 12 maaie 1959, 9; ‘Frysk letterkundich museum en dokumintaasjesintrum’, Friese Koerier, 30 desimber 1959, 5. Gerrit Borgers, haadkonservator fan it Letterkundig museum en documentatiecentrum yn De Haach is by de plannemakkerij belutsen stelt mei Sjoerd Douma, direkteur fan de provinsjale bibleteek, en Jelle Brouwer, wittenskiplik direkteur fan de Fryske Akademy, in plan op foar provinsjale steaten.
  10. ‘Frysk letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum’ ’, Friese Koerier, 11 septimber 1959, 7.
  11. ‘Frysk Letterkundich Museum liet hearre wat it wol’, Leeuwarder Courant, 30 desimber 1959, 5.
  12. “8.11. At the request of the Provincial Executive of Fryslân, the Museum and Documentation Centre for Frisian Literature has since 1991 played a role in promoting the literary climate in the province. For this purpose the Centre has appointed a coordinator for the promotion of Frisian literature. Under its terms of reference the Centre also has a responsibility for assisting Frisian authors. It regularly holds courses and workshops for the benefit of writers of Frisian literary texts.” (s. 20) Public Foundation for European Comparative Minority Research 2006–2007, ‘Database for the European Charter for Regional or Minority Languages, article 12, paragraph 1, sub-paragraph b. cultural activities and facilities’, Council of Europe <http://www.coe.int/en/> [krigen 9 maaie 2016].
  13. ‘Kursussen foar skriuwers lutsen 53 dielnimmers’, Leeuwarder Courant, 22 april 1992, 23. Oanhelle wurdt it jierferslach 1991 fan it FLMD. Bouke Oldenhof, de earste literatuer­befoarderer, hat sjoen hoe’t oare organisaasjes dy’t har mei it Frysk dwaande hâlde de literatuer befoarderje en as útkomst dêrfan workshops en kursussen organisearre.
  14. P. de G. [Pieter de Groot], ‘FLMD hat him yn fjirtich jier ûnmisber makke’, Leeuwarder Courant, 25 juny 1999, 24.
  15. Pieter de Groot, ‘Synergy oan de Bûterhoeke’, Leeuwarder Courant, 6 july 2001, 26. Kultuerdeputearre wie Bertus Mulder.
  16. Persoanlike meidieling fan ien fan de organisators.
  17. Pieter de Groot, ‘Karrûsel Fryske literatuer yn fernijd FLMD’, Leeuwarder Courant, 5 novimber 1999, 28.
  18. ‘FLMD vast op 4000 bezoekers’, Leeuwarder Courant, 4 maaie 2002, 11.
  19. Brief Tweede Kamer, 2002, document 21919: Bijlage bij de Regeling Letterhoeke <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/kamerstukken/2005/10/14/bijlage-bijlage-bij-de-regeling-letterhoeke/brief2k-2002-doc-21919d.pdf> [krigen 3 maaie 2016].
  20. Frits Abrahams, ‘Wiegelen’, NRC, 23 novimber 2005 <http://vorige.nrc.nl//100jaar_voorpaginas/article1641678.ece/Wiegelen> [krigen 9 maaie 2016]. Kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel wie yn 1989 de arsjitekt fan it heareakkoart dy’t de ruil tusken Grins en Ljouwert ynhold fan (net wittenskiplik) ûnderwiis, dat nei Ljouwert kaam, en kultuer, dy’t nei Grins gie.
  21. Michael Lynch, ‘Archives in formation: privileged spaces, popular archives and paper trails’, History of the Human Sciences 12:2 (1999) 65-87.
  22. Provinsjale Steaten fan Fryslân, ‘Archiefverordening Provincie Fryslân 2014’, 23 april 2014, Provinciaal Blad, 2015, 1126.
  23. Wouter van Dooren, Geert Bouckaert en John Halligan, Performance management in the public sector (Londen/New York 2010) 32.
  24. Michiel S. de Vries en Juraj Nemec, Global trends in public sector reform (Brussel: Bruylant, 2012).
  25. Jacques Derrida en Eric Prenowitz, ‘Archive fever: A Freudian impression’, Diacritics 25:2 (1995) 9-63.
  26. Asing Walthaus, ‘Idioate ambysje en klearebare tafal’, Leeuwarder Courant, 18 maaie 2001, 30.
  27. Earste Keamer, Derde periodieke rapportage inzake de maatregelen welke Nederland heeft getroffen ten aanzien van de Friese taal en cultuur (Den Haag/Leeuwarden: Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties en Fryske Akademy, 2008). Cultuurnota 2001-2004 ‘Cultuur als confrontatie’ , 1999; skreaun troch steatssekretaris Rick van der Ploeg. Cultuurnota 2005-2008 ‘Meer dan de som’, 2003; skreaun troch Medy van der Laan.
  28. “Bij het Frysk Letterkundich Museum (FLMD) hing vorige week donderdag de Friese vlag uit omdat de instelling veertig jaar bestond. De vlag hing echter wel op de kop stelde G en G [Gehoord en Gezien] vast. FLMD-directeur Tineke Steenmeijer legt in een een brief aan G en G uit dat zoiets niet anders kan. De vlag is zo gemaakt dat de pompeblêden alleen aan een verticale vlaggestok met de opening naar boven hangen. En dat is zoals het hoort... Bij het FLMD hing de vlag echter aan een horizontale stok en dan hangen de pompeblêden “logyskerwiis” minder rechtop. Maar daarmee is volgens Tineke Steenmeijer nog niet gezegd dat de vlag op zijn kop hangt.” ‘Gehoord en Gezien’, Leeuwarder Courant, 18 novimber 1999, 19.
  29. Ein novimber 2002 is der in nije skriuwersfakbûn oprjochte, de Frije Fryske (Ynternet) Skriuwers (FFYS), dy’t protestearret tsjin it “struktureel sloffe belied” fan it Skriuwersboun, de “de sleauwe en meagere literatuerbefoarderingsaktiviteiten fan it FLMD” en tsjin it media- en literatuerbelied fan de provinsje dat neffens FFYS te folle rjochte is op taalbefoarderingsaktiviteiten foar in breed publyk. ‘Twadde fakbun foar Fryske skriuwers’, Leeuwarder Courant, 27 novimber 2002, 9.
  30. Sjoch bygelyks Dan Hull, ‘Regional and minority language academies’, Northern Ireland Assembly, 2013 <http://www.niassembly.gov.uk/globalassets/Documents/RaISe/Publications/2014/culture_arts_leisure/5314.pdf> [9 maaie 2016].
  31. ‘PB schuift aan bij gesprek archieven’, Leeuwarder Courant, 23 desimber 1999, 7.
  32. ‘Leeuwarden wil provinciaal archiefcentrum’, Leeuwarder Courant, 18 desimber 1999, 17.
  33. Pieter de Groot, ‘Synergy oan de Bûterhoeke’, Leeuwarder Courant, 6 july 2001, 26. Kultuerdeputearre wie Bertus Mulder.
  34. Under it ûndersyk troch it akkountentskantoar stapte de gemeente Ljouwert der út. Sjoch Jan Folkerts, ‘HSL en Ryksargyf’, Leeuwarder Courant, 10 july 2001, 5.
  35. Brief Tweede Kamer, 2002, document 21919: Bijlage bij de Regeling Letterhoeke <https://www.rijksoverheid.nl/binaries/rijksoverheid/documenten/kamerstukken/2005/10/14/bijlage-bijlage-bij-de-regeling-letterhoeke/brief2k-2002-doc-21919d.pdf> [krigen 3 maaie 2016]. Us kursyf.
  36. Matthew McCaffrey, The importance of literary criticism from a free-market perspective, Mises Daily, 13 augustus 2014 <https://mises.org/library/importance-literary-criticism-free-market-perspective> [krigen 9 maaie 2016].
  37. Abe de Vries, ‘Tresoar en de Friestalige cultuur’, (konsept)advys literatuerbefoardering Tresoar, 2011. Net publisearre.

Foaropwurd 2.9

Fers2, 1 maaie 2016

Kultuerferlies VII: Werom’t wy net dogge wat wy wol moatte

image

Kabaret try-outs gean oer kabaret try-outs. Learsum foar de kollega’s en in noflike boarne fan Schadenfreude foar it publyk. De jonge artyst yn Amsterdam, op it moanlikse try-outpoadium yn it Bellevue mar wy sille syn namme net neame, fertelde dat it rekord fan apaty út de seal op sântjin minuten stie. De seal begûn al smaaklik te nokkerjen yn antisipaasje en ja hear, dêr kaam it: “Gean nea nei Boalsert...” Seal plat.

Twa dagen letter sei de krante dat “circa 50 professionals uit de mondiale theaterwereld” op in net neamd plak yn de provinsje (Boalsert?) gearkamen foar in “zogeheten pre-meeting” fan it “IETM-congres” want “dit jaar viel de beurt toe aan Fryslân. En dat is een eer.”Auke Zeldenrust, ‘Internationale delegatie proeft alvast van CH2018’, Friesch Dagblad, 14 april 2016, 13. It artikel makket dan dúdlik dat it giet om jûne en net om fertsjinne eare. Want in mei-organisator fan de kandidaat­stelling fan Galway, Ierlân foar de Kulturele Haadstêd fan 2020, komt hjir om de boarne fan de winnende slogan, “hechte gemeenschap,”‘Leeuwarden prepares to be Europe’s capital of culture – in 2018’, DutchNews <http://www.dutchnews.nl/features/2015/07/leeuwarden-prepares-to-be-europes-capital-of-culture-in-2018/> [krigen 16 april 2016]: “Firstly, its Mienskip, the Frisian community itself. The Leeuwarden-Fryslân bid didn’t spend huge amounts on advertising agencies to develop a publicity campaign, but looked to its own residents to come up with their own ideas and initiatives.” te bewûnderjen. “Dat moeten we ook in Ierland gaan doen.” Dat is in goed idee; sûnder mienskip stjert Ierlân út. Mar hoe sit it dan mei it rekord fan apaty? Liicht dy kabaretier?

Ferfolch

Oankundiging nije meidoggers

image

Bêste lêzer,

Hjoed is in goed-goed-goed nijs dei. It tiim fan Fers2-skriuwers sil fersterke wurde mei Eric Hoekstra en Philippus Breuker. De earste sil dwaan wêr’t er goed yn is: kollums dy’t yn ús sterilisearre literêre greiden oantsjutte wurde mei ‘niteljend’ en oare metafoaren foar fleurich blomkeguod. As jo dus it gesicht werkenne fan Eric Hoekstra, lit him dan witte hoe wiis jo binne mei syn ûnderstypjen fan de flora dêr’t gjinien om freget. De lêste sil ek dwaan wêr’t er goed yn is: detailearre literatuerhistoarje mei ynsjoggen dy’t sels de counterkanon nea helle ha en in parate feitekennis dy’t beskreaun wurdt mei ‘mislikmeitsjend’ of oare medyske metafoaren. Dêrom, as jo Philippus Breuker werkenne, lit him witte hoe wiis jo binne mei syn spikerjen fan de lêste neilen yn Fryslâns letterkundige kiste. Eric Hoekstra en Philippus Breuker!

Nee, de krante. Dy skriuwt de ôfkoarting IETM net út om’t de E net foar Earth of wat oars mondiaals stiet, mar inkeld foar Europeesk. De Informal European Theater Meeting wie fan 13 oant 17 april gewoan yn Amsterdam, mei foarstellingen troch de hiele stêd hinne. Ek hat de IETM altyd in stikmannich pre- en post-meetings op oare plakken as dêr’t de plenêre gearkomste is.‘IETM Amsterdam Plenary Meeting 2016: 14 April 2016 to 17 April 2016’, IETM <https://www.ietm.org/en/Amsterdam> [krigen 14 april 2016]. It kranteartikel is fan Auke Zeldenrust, neffens Liwwadders “schrijver van de zelfkant,”‘Auke Zeldenrust over criminelen en verslaafden in De Bres (vanmiddag)’, Liwwadders, 22 maart 2015 <http://www.liwwadders.nl/auke-zeldenrust-over-criminelen-en-verslaafden-in-de-bres-vanmiddag/> [krigen 14 april 2016]. en lid fan, sa stiet derûnder: “De redactie van Finster fan Fryslân, een samenwerking van Friesch Dagblad, Leeuwarder Courant, Omrop Fryslân en GPTV. Het project is gericht op CH2018.” KH2018 dochs? Stiet net op de webside fan Finster fan—hee.

Selskant, dat witte wy net, mar betizing is der wis. Want it projekt hyt, seit de eigen webside, finsteropfryslan.frl: op Fryslân. Wa’t de eigner is fan in .frl-domein is net ienfâldich út te finen. Wie de .frl net it plan fan de provinsje Fryslân sels, dan wie dy der fan it begjin ôf in “belutsen stiper” fan, mei it each op de potinsje foar de marketing fan Fryslân.‘Wie zit er achter .frl?’, FRLregistry <http://support.registreer.frl/hc/nl/articles/201840722-Wie-zit-er-achter-frl-> [krigen 14 april 2016]. Mei hoefolle middelen de “betrokken supporter”, provinsje Fryslân, de .frl stipet, is net bekend. Om de “commerciële en culturele” funksje fan de frl-ekstinsje te beweitsjen bliuwt Stichting puntFRL eigner fan de domeinnammen.‘Premium domeinnaam’, .FRL (FRLregistry B.V. en stichting puntFRL) <https://registreer.frl/premium-frl/> [krigen 14 april 2016]. De side finsteropfryslan is registrearre troch Omrop Fryslân. Dat barde op 29 juny 2015, in wike foar’t de Omrop mei de radio- en tv-spotsjes ‘Us Taal, Us Omrop’ begûn, dy’t de rêding fan de posysje fan de Omrop yn hannen lizze soene fan ús deputearre fan kultuer.‘Us Taal, Us Omrop’, It Nijs, 6 july 2015 <http://www.itnijs.frl/2015/07/us-taal-us-omrop/> [krigen 14 april 2016]; ‘Moasje oer spesifike posysje Omrop Fryslân oannommen’, It Nijs, 14 oktober 2015 <http://www.itnijs.frl/2015/10/moasje-oer-spesifike-posysje-omrop-fryslan-oannommen/> [krigen 14 april 2016]. It Finster “wordt mede mogelijk gemaakt door de provinsje Fryslân” en wol “de thema’s en projecten van Culturele Hoofdstad Leeuwarden-Fryslân 2018”—hin? CHL-F2018? KH2018 o nee CH2018, dochs?—yn it omtinken bringe.<http://finsteropfryslan.frl/> [krigen 14 april 2016]: “Vorm en inhoud zullen zich gaandeweg ontwikkelen met als doel dat er straks een verscheidenheid aan multimediale producties te zien is.” It kranteartikel is dus net fan sjoernalistike aard. It is reklame fan de provinsje foar syn evenemintebelied.

No sille jo sizze: dat is âld nijs ... der kaam al ris earder sa’n stik fan Finster op Fryslân ... eksakt itselde berjocht stie op deselde dei yn it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant, dat makke de saak sa trochsichtich as wat ... mar hold net keizer Nero al sawat twatûzen jier lyn de massa’s weak mei panem et circenses ... en wat Boalsert oanbelanget, ús Fryskeigen try-out, doe’t Gysbert J. santjin minuten lang net apatysk wie ... hoefolle sin hat it?

Dat is in retoaryske fraach, jo sitte—wy fine dat just de tûkelteam; easken jo mar ris tekst en útlis, stiene jo op mar ris op foar jo ûnferfrjemdber rjocht, mei jo wiisfingerneil it ultimatum op ’e tafel tikjend—mar jo sitte hielendal net op in antwurd te wachtsjen; jo ha gjin fraach. Jo litte gjin klacht klinke. Jo sjogge gjin probleem, al warskôgje de krúsfearders, klokkelieders, moraalridders dat jo der oan jo earen ta yn sitte. Al beskuldiget de Fryske Nasjonale Partij, dy’t jo krekt keazen ha om de sosjale problemen dy’t hja sinjalearje foar jo op te lossen, jo, om’t jo neat dogge, dat jo de hiele oarsaak binne fan ús sosjale probleem.Sjoch ûnder mear: Marc van Oostendorp, ‘“De grootste vijanden van het Fries zijn de gewone Friezen”’, Onze Taal, mei 2006 <http://www.vanoostendorp.nl/linguist/fries21.html> [krigen 17 april 2016]. Fraksjefoarsitter fan de Fryske Nasjonale Partij yn de provinsjale steaten Johannes Kramer seit: “De Friezen hebben het zelf in de hand. Als het Fries in gevaar komt, kunnen ze dat uiteindelijk alleen aan zichzelf wijten.”; ‘Voorzitter FNP wil partij­vernieuwing’, Leeuwarder Courant, 5 jannewaris 2016: “[Partijfoarsitter Ultsje Hosper seit:] It Frysk mear op de foargrûn krije wolle fyn ik in achterhoede­gevecht.” En dat wylst jo ús sosjale probleem likemin fernimme as de bewenners fan it koloniale Salem yn ’t earst har sosjale probleem fan de hekserij seagen.

Hoewol’t dat hekserijprobleem net groeide, troch te min duvel op ierde, seagen se it efkes letter as in libbensgrut sosjaal probleem en woene it mar al te graach bestride. Dêrfoaroer steane ûntelbere troch de maatskippij nea fernommen en net ferholpen skrinende tastannen: “It is a gross mistake to assume that any kind of malignant or harmful social condition or arrangement in a society becomes automatically a social problem for that society.”Herbert Blumer, ‘Social problems as collective behavior’, Socal Problems 18:3 (1971) 298-306, 302. De kaai ta it riedsel, die bliken yn de iere jierren santich, is dat de standert­opfetting fan it sosjale probleem as in objekt dat der ûnôfhinklik fan immens waarnimming leit, net doocht.“Social problems are those social conditions identified by scientific inquiry and values as detrimental to human well-being.” Jerome G. Manis, Analyzing social problems (New York 1976) 25. In sosjaal probleem bestiet krekt as in beskate groep minsken dy’t in kondysje as probleem definiearje lang genôch bestiet om te besluten der wat oan te dwaan,John I. Kitsuse en Malcolm Spector, ‘Toward a sociology of social problems: Social conditions, value-judgments, and social problems’, Social Problems 20:4 (1973) 407-419, 415. Kitsuse & Spector bestride de objektivistyske beneiering fan Robert K. Merton (Contemporary social problems, 1971), waans definysje fan sosjaal probleem ferûnderstelt dat de manier sa’t in maatskippij organisearre is of sa’t dy ferbettere wurde kin (i.e. minder sosjale disorganisaasje en minder ôfwikend gedrach ken) in technyske saak is, dus mei objektive kritearia. Kitsuse & Spector wize der op dat saken en kritearia better opfette wurde kinne as polityk, dus subjektyf (s. 409; kursiven oernommen fan Kitsuse & Spector). mei oare wurden, as sadwaande de tastân as probleem waarnommen wurdt.“[W]e define social problems as the activities of individuals or groups making assertions of grievances and claims with respect to some putative conditions.” Malcolm Spector and John I. Kitsuse, Constructing social problems [1977] (New Brunswick/Londen 1987) 75.

Goed, jo dogge dus neat om’t jo it net as probleem oantsjutte. Mar dat begs the question seit it Ingelsk dat, sa warskôge Kalma, ús bruorretaal wie, sûnder derby te warskôgjen dat it in dominante klier fan in broer wieDouwe Kalma, Fryslân en de wrâld; rede, sa likernôch hâlden op ’e Mienskipsgearkomste fen 29 Jan. 1916, Striidskriften fen “De Jongfryske Mienskip” 1 (Ljouwert 1916). Sjoch foar de faasje dêr’t yn Europa it Ingelsk mei wûn wurdt op http://languageknowledge.eu/languages/english nei it ferskil yn Ingelske taalbehearsking tusken All, Older, Middle en Younger (de data komme fan it Eurobarometer-survey ‘Europeans and their languages’ fan de Europeeske Kommisje, publisearre yn july 2012). NL: alle 38,46%, 55+ 29,55%, 35-54 41,62%, 15-34 44,57%.—it freget om de fraach: wêrom tsjutte jo it net sa, ek net as der foar de persepsje fan it sosjale probleem in solide basis bestiet? Sis, in like solide grûn as yn Súd Tirol foar de persepsje fan it sosjale probleem fan de trendy meartaligens? Dat skeinde dêr de minderheidsrjochten, sadat se in ûnderwiiswet skreaune neffens it prinsipe fan separaasje, ientaligens en ‘teaching language parity’,Elisabeth Alber, ‘South Tyrol’s education system: Plurilingual answers for monolinguistic spheres?’ L'Europe en Formation 363 (2012) 399-415, 400. ‘Teaching language parity’ betsjut in gelikens tal lesoeren Dútsk en Italiaansk en it Ladin wurdt ûnderwiisd en brûkt as (ekstra) ûnderwiistaal. It Ladin hat goed 20.000 memmetaalsprekkers, 4,37 persint fan de befolking fan Súd Tirol. om it sosjale probleem op te heinen. By ús wurdt it minderheidsrjocht, eh nee: wurdt de meartalige oanpak swier ferdigene, mei arguminten fan yndividueel profyt—leafst lardearre mei populêre psychology, lykas dat polyglotten kognitive foardielen ha soene.Sjoch bygelyks Fryske Akademy, ‘Twataligens en kognityf foardiel’, s.d. <https://www.fryske-akademy.nl/undersyk/taalkunde/twataligens-en-kognityf-foardiel/> [krigen 17 april 2016], en ‘Is meartaligens goed foar it ferstân?’, It Nijs, 30 oktober 2013 <http://www.itnijs.frl/2013/10/meartaligens-goed-foar-ferstan/> [krigen 17 april 2016]. Dat is om’t tsjin yndividuele meartaligens net in soad yn te bringen is; men kin prate mei mear minsken en rêdt him om dy reden better op ’e arbeidsmerk. Mar it giet fansels om sosjale meartaligens. En sels de EU, dy’t dochs de BFF fan ús minderhede­goeddogger de Rie fan Europa seit te wêzen,“The European Union is the Council of Europe’s most important institutional partner.” ‘The Council of Europe’s Relations with the European Union’, Council of Europe <http://www.coe.int/t/der/EU_en.asp> [krigen 17 april 2016]. stiet op it stânpunt dat linguistyske diversiteit in probleem is foar in sosjo-ekonomyske ienheid en keart sosjale ientaligens—Ingelsk—beslist net op.Miquel Strubell, Linguistic diversity: Which language model for Europe?, Paper prepared for the symposium Cultural Diversity and the Construction of Europe, 14-16 December 2000, 4-5. “The large [EU] states (…), many of them with an imperial history, have been unwilling to compromise and have demanded that their languages [EN, FR] be official and working ones.” Neist it normative debat is der in debat oer dwaanlikheid, sjoch Prospero, ‘Johnson: Just speak English?’, The Economist, 17 septimber 2013 <http://www.economist.com/blogs/prospero/2013/09/language-diversity> [krigen 17 april 2016]; Robert Phillipson, English only europe: Challenging language policy (Londen/New York 2003). Neffens Phillipson (2003, 7-8) leit it gefaar yn de laissez faire polityk. Yn teory hawwe de offisjele talen fan de 28 lidsteaten fan de EU in folslein gelikense status; yn de praktyk is, hoewol’t taal as de ûnmisbere lym tusken de ferskillende belangen fan de lidsteaten sjoen wurdt, de organisaasje fan meartaligens net helder en it gelykheidsprinsipe is beheind troch tiid en jild. Sjoch ek François Grin, Language policy evaluation, 2003 en ‘Why multilingualism is affordable,’ élf Working Paper #6, 2010.

Wêrom definiearje jo dy bedragerij, mei alle gefolgen derfan, net kollektyf as in probleem? Seit net de taalekonoom François Grin, kwea ferneamd om syn “Grin’s report” dêr’t er yn berekkenet dat esperanto as brêgetaal yn Europa in besparring opsmyt fan 25 miljard jierliks, dat taalplanning net perfoarst fan sintrale autoriteiten hoecht te kommen en dat aktive yndividuele boargers ek lobbye kinne foar taalrjochten?François Grin, Language policy evaluation and the European Charter for Regional or Minority Languages (Basingstoke 2003) 153-160.

Grin kin it moai fertelle, sille jo no sizze, wy hawwe it hjir oer sosjale feroaringen ... om te begjinnen stribbet immen sosjale feroaring nei mei in beskaat ynternalisearre idee fan wat de maatskippij is, tusken de twa poalen fan in bellum omnium contra omnes oant in gearhingjend sosjaal lichem, mar de earste easket in folslein oare feroarings­strategy as de lêste ... de sosjaal lichem­noasje is antyk mar ek Foucault brûkt le corps social ... just om derop te wizen dat it idee fan autonome selsbeskikking in konstruksje fan de genêskunde is, want it hat gjin sin om de dokter te freegjen syn macht mei jo te dielen;Michel Foucoult, ‘Pouvoir et corps’, Quel corps? 2 (1975) 2-5; Id., History of sexuality: Vol. I. An introduction (New York 1978). it sosjale lichem bestindiget gewoanlik de machtshiërargyen en oerhearsking. Dêrom gie de ferljochting oer nei it sosjale arenamodel, mei frije, mar ynstitúsjo­nalisearre striid tusken de machten ... wy sjogge no dat de ynstitúten dyjingen foarlûke dy’t dy machtsstriid yngeane mei de measte macht ... opnij krigen wy ûnderdrukking ... Bourdieu sei al desennia lyn dat de represintative demokrasy en profesjo­nalisearring yn bestjoer en polityk de gewoane boarger syn stim foar politike aksje ôfnamen;Pierre Bourdieu, The field of cultural production: essays on art and literature (Cambridge 1993), 166. boppedat mist de boarger it kultureel kapitaal om yndruk meitsje te kinnen.Pierre Bourdieu, Language and symbolic power, J. B. Thompson (red.), G. Raymond & M. Adamson (oers.) [1982] (Cambridge 1991), 206.

Ynienen kaam doe de polityk wer mei it sosjale lichem ... ‘Mienskip’, neamden se it, net hielendal ûnferwacht, en de klam lei op ienheid, sosjale harmony en kulturele truttichheid, wat yn it plak kaam fan rjochtfeardigens en gelykheid ... it debat ferlein ... taalrjocht net langer in issue! ... de komst fan dat nije kulturele ymperialisme, mei it debat dêr’t de term inégalité opfallend út mist, hat Bourdieu oars al sechstjin jier lyn foarseinPierre Bourdieu en Loïc Wacquant, ‘La nouvelle vulgate planétaire’, Le Monde Diplomatique 554 (2000) 6-7 <http://www.monde-diplomatique.fr/2000/05/BOURDIEU/2269> [krigen 17 april 2016].—agearje jo. En jo happe nei loft, mar foar’t wy ús ûntskuldigje kinne (wy binne better yn konflikt­management as de Fryske Nasjonale Partij) roppe jo dat de folslein objektive opfetting fan in sosjaal probleem ek wer werom is fan fuort west.

Dat is in foardielige opfetting foar polityk en bestjoer, makket net út oft de boarger in arena-opfetting (wedstriid om feroaring) of in sosjaal lichemopfetting (meidriuwe nei feroaring) fan syn maatskippij hat ... ommers as in probleem in probleem ís, ek al sjocht nimmen it ... dan kinne dy sosjale problemen oplost wurde troch in bestjoer fan spesjalisearre eksperts ... de Foucaultiaankse sosjale kontrôle: de dokter wit better wat goed is foar de pasjint as de pasjint sels ... de politike diminsje ûntkenne se, de mooglikheid om mei ienriedigens en dialogysk in oplossing te sykjen ôfkitsend‘Technocrats: Minds like machines’, The Economist, 19 novimber 2011 <http://www.economist.com/node/21538698> [krigen 17 april 2016]. Dit is in bestjoerssysteem dat de diminsje fan it politike negearret troch polityk te redusearjen ta in rige prosedueres dy’t technysk en neutraal wêze soene. ... mei ik jimme yn ’t sin bringe dat it provinsjebestjoer séls de Fryske boekferkeap temoarzele troch de sutelaksje net langer te ûnderstypjen, dat doe séls, want de boarger siet al bûtenlânske boeken te lêzen, ta in sosjaal probleem ferklearre en doe séls de oplossing betocht: it gie min mei de Fryske literatuer—ús literatuer? dy is net minder of better as earder! ... en doe séls in klup oanwiisde, Ensafh&Moanne, dy’t befêstigje mocht dat it oan de literatuer lei, of dy’t yn alle gefallen nea sizze soe dat de oerheid sels in augiasstâl makke hie fan syn kultuerbelied ... o, en de boarger wist hjir hielendal neat fan!Net publisearre materiaal fan It Skriuwersboun, 2015.

Dat wie wier. Mar as wy dat tajaan wolle, sille jo raze dat net inkeld autoritêre oerheden gjin ferlet ha fan dialooch ... mar ús wedstriid­model ... dat oeral troch de tillige mienskips­retoryk hinne stjit ... dy wedstriden yn ús polityk-ekonomysk-juridyske systeem binne ynstruminteel fan aard, rjochte op macht, ûnferskillich foar sosjale gearhing en rjochtfeardigensMichael Karlsberg, ‘The paradox of protest in a culture of protest’, Peace & Change 28:3 (2003) 239-351. ... lykas de Gysbert Japicxwedstriid, dy’t ien winner gesach jout, mar nea bedoeld wie om de meast artistike, meast ynnovative anonimus winne te litten, ommers wa’t meidwaan mei hie al in beskaat prestiizje, syn namme foel al yn de goede kriten ... mar om’t wy fan de beukerskoalle ôf yndoktrinearre binne mei de myte dat de homo sapiens in kompetitive soarte is slikten wy de pil fan de kulturele hegemony ... ûnder protest, mits dat daliks winst jaan soeDe relaasje tusken ûnderdrukking en reboelje is net dúdlik. Brockett (2003) konkludearret: “[R]ational-choice theory—especially in its narrower versions—can take us only so far in understanding protest behavior of nonelites. Certainly nonelites rationally calculate the expected utility of the probable mix of the provision of goods and services and the application of sanctions that would result from supporting the government, supporting the opposition, maintaining neutrality (...). However, violence activates human responses that are usually not involved in deciding, for example, the firm from which to purchase some consumer good (...) and shared principles concerning (...) obligation and justice will undoubtedly influence the nature of one’s response.” Charles D. Brockett, ‘A protest-cycle resolution of the repression/popular-protest paradox’, Social Science History 17:3 (1993) 457-484, 475. ... bommen yn Baskelân, Fryske striid: sa stapten wy de arena yn ... sûnder te begripen dat in tsjinspraak­strategy nea de sosjale feroaring bringe kin fan opheffen fan de konkurrinsjeMichael Karlberg, ‘Constructive resilience: The Bahá’í response to oppression’, Peace & Change 35:2 (2010) 222-257, 242-242. Net allinne it sosjaal aktivisme mar ek de ekonomy komt werom fan it ideaal en default state fan de ‘perfekte kompetysje’, sjoch Peter Thiel, ‘Competition is for losers’, The Wall Street Journal, 12 septimber 2014 <http://www.wsj.com/articles/peter-thiel-competition-is-for-losers-1410535536> [krigen 19 april 2016]. ... dêr’t de kultuerWat de ‘hege kultuer’ oanbelanget, der is ûndersyk dien nei it effekt fan kompetysje op it artistike funksjonearjen en it docht bliken dat kompetysje benammen midsmjittigens en net-orizjinele, mainstream resultaten opsmyt. Sjoch bygelyks Kamal Sinclair, ‘Competition in the arts sucks! Or does it?’, Fractured Atlas Blog, 26 desimber 2008 <https://www.fracturedatlas.org/site/blog/2008/12/26/competition-in-the-arts-sucks-or-does-it/> [krigen 17 april 2016]. ... altyd de ferliezer is.

Oer fjirtjin dagen mear oer it ferlies fan it FLMD!

image

Update Kultuerferlies VI: De wet fan de pommeranten!
Op fragen út de Twadde Keamer oer de Wet gebrûk Fryske taal, dy’t it rjocht fan Friezen om Frysk te praten mei de meiwurker fan de Belestingtsjinst fersekerje moatte soe, hat de minister fan Ynlânske Saken sa andere: “LOL!” De Belestingtsjinst­meiwurker hoecht gjin Frysk te praten mei Fryske skillers, sei er, doe’t er klear wie mei trolljen. De Belestingtsjinst is nammentlik net yn Fryslân fêstige: it rjocht fan Friezen om har eigen taal te brûken jildt inkeld foar bestjoerlik ferkear mei in ynstelling dy’t fysyk tahâldt yn Fryslân (WgFt Kêst 3, 1). De minister hannelet korrekt nei de letter fan de wet.

Noaten

  1. Auke Zeldenrust, ‘Internationale delegatie proeft alvast van CH2018’, Friesch Dagblad, 14 april 2016, 13.
  2. ‘Leeuwarden prepares to be Europe’s capital of culture – in 2018’, DutchNews <http://www.dutchnews.nl/features/2015/07/leeuwarden-prepares-to-be-europes-capital-of-culture-in-2018/> [krigen 16 april 2016]: “Firstly, its Mienskip, the Frisian community itself. The Leeuwarden-Fryslân bid didn’t spend huge amounts on advertising agencies to develop a publicity campaign, but looked to its own residents to come up with their own ideas and initiatives.”
  3. ‘IETM Amsterdam Plenary Meeting 2016: 14 April 2016 to 17 April 2016’, IETM <https://www.ietm.org/en/Amsterdam> [krigen 14 april 2016].
  4. ‘Auke Zeldenrust over criminelen en verslaafden in De Bres (vanmiddag)’, Liwwadders, 22 maart 2015 <http://www.liwwadders.nl/auke-zeldenrust-over-criminelen-en-verslaafden-in-de-bres-vanmiddag/> [krigen 14 april 2016].
  5. ‘Wie zit er achter .frl?’, FRLregistry <http://support.registreer.frl/hc/nl/articles/201840722-Wie-zit-er-achter-frl-> [krigen 14 april 2016]. Mei hoefolle middelen de “betrokken supporter”, provinsje Fryslân, de .frl stipet, is net bekend.
  6. ‘Premium domeinnaam’, .FRL (FRLregistry B.V. en stichting puntFRL) <https://registreer.frl/premium-frl/> [krigen 14 april 2016].
  7. ‘Us Taal, Us Omrop’, It Nijs, 6 july 2015 <http://www.itnijs.frl/2015/07/us-taal-us-omrop/> [krigen 14 april 2016]; ‘Moasje oer spesifike posysje Omrop Fryslân oannommen’, It Nijs, 14 oktober 2015 <http://www.itnijs.frl/2015/10/moasje-oer-spesifike-posysje-omrop-fryslan-oannommen/> [krigen 14 april 2016].
  8. <http://finsteropfryslan.frl/> [krigen 14 april 2016]: “Vorm en inhoud zullen zich gaandeweg ontwikkelen met als doel dat er straks een verscheidenheid aan multimediale producties te zien is.”
  9. Sjoch ûnder mear: Marc van Oostendorp, ‘“De grootste vijanden van het Fries zijn de gewone Friezen”’, Onze Taal, mei 2006 <http://www.vanoostendorp.nl/linguist/fries21.html> [krigen 17 april 2016]. Fraksjefoarsitter fan de Fryske Nasjonale Partij yn de provinsjale steaten Johannes Kramer seit: “De Friezen hebben het zelf in de hand. Als het Fries in gevaar komt, kunnen ze dat uiteindelijk alleen aan zichzelf wijten.”; ‘Voorzitter FNP wil partijvernieuwing’, Leeuwarder Courant, 5 jannewaris 2016: “[Partijfoarsitter Ultsje Hosper seit:] It Frysk mear op de foargrûn krije wolle fyn ik in achterhoedegevecht.”
  10. Herbert Blumer, ‘Social problems as collective behavior’, Socal Problems 18:3 (1971) 298-306, 302.
  11. “Social problems are those social conditions identified by scientific inquiry and values as detrimental to human well-being.” Jerome G. Manis, Analyzing social problems (New York 1976) 25.
  12. John I. Kitsuse en Malcolm Spector, ‘Toward a sociology of social problems: Social conditions, value-judgments, and social problems’, Social Problems 20:4 (1973) 407-419, 415. Kitsuse & Spector bestride de objektivistyske beneiering fan Robert K. Merton (Contemporary social problems, 1971), waans definysje fan sosjaal probleem ferûnderstelt dat de manier sa’t in maatskippij organisearre is of sa’t dy ferbettere wurde kin (i.e. minder sosjale disorganisaasje en minder ôfwikend gedrach ken) in technyske saak is, dus mei objektive kritearia. Kitsuse & Spector wize der op dat saken en kritearia better opfette wurde kinne as polityk, dus subjektyf (s. 409; kursiven oernommen fan Kitsuse & Spector).
  13. “[W]e define social problems as the activities of individuals or groups making assertions of grievances and claims with respect to some putative conditions.” Malcolm Spector and John I. Kitsuse, Constructing social problems [1977] (New Brunswick/Londen 1987) 75.
  14. Douwe Kalma, Fryslân en de wrâld; rede, sa likernôch hâlden op ’e Mienskipsgearkomste fen 29 Jan. 1916, Striidskriften fen “De Jongfryske Mienskip” 1 (Ljouwert 1916). Sjoch foar de faasje dêr’t yn Europa it Ingelsk mei wûn wurdt op http://languageknowledge.eu/languages/english nei it ferskil yn Ingelske taalbehearsking tusken All, Older, Middle en Younger (de data komme fan it Eurobarometer-survey ‘Europeans and their languages’ fan de Europeeske Kommisje, publisearre yn july 2012). NL: alle 38,46%, 55+ 29,55%, 35-54 41,62%, 15-34 44,57%.
  15. Elisabeth Alber, ‘South Tyrol’s education system: Plurilingual answers for monolinguistic spheres?’ L'Europe en Formation 363 (2012) 399-415, 400. ‘Teaching language parity’ betsjut in gelikens tal lesoeren Dútsk en Italiaansk en it Ladin wurdt ûnderwiisd en brûkt as (ekstra) ûnderwiistaal. It Ladin hat goed 20.000 memmetaalsprekkers, 4,37 persint fan de befolking fan Súd Tirol.
  16. Sjoch bygelyks Fryske Akademy, ‘Twataligens en kognityf foardiel’, s.d. <https://www.fryske-akademy.nl/undersyk/taalkunde/twataligens-en-kognityf-foardiel/> [krigen 17 april 2016], en ‘Is meartaligens goed foar it ferstân?’, It Nijs, 30 oktober 2013 <http://www.itnijs.frl/2013/10/meartaligens-goed-foar-ferstan/> [krigen 17 april 2016].
  17. “The European Union is the Council of Europe’s most important institutional partner.” ‘The Council of Europe’s Relations with the European Union’, Council of Europe <http://www.coe.int/t/der/EU_en.asp> [krigen 17 april 2016].
  18. Miquel Strubell, Linguistic diversity: Which language model for Europe?, Paper prepared for the symposium Cultural Diversity and the Construction of Europe, 14-16 December 2000, 4-5. “The large [EU] states (…), many of them with an imperial history, have been unwilling to compromise and have demanded that their languages [EN, FR] be official and working ones.” Neist it normative debat is der in debat oer dwaanlikheid, sjoch Prospero, ‘Johnson: Just speak English?’, The Economist, 17 septimber 2013 <http://www.economist.com/blogs/prospero/2013/09/language-diversity> [krigen 17 april 2016]; Robert Phillipson, English only europe: Challenging language policy (Londen/New York 2003). Neffens Phillipson (2003, 7-8) leit it gefaar yn de laissez faire polityk. Yn teory hawwe de offisjele talen fan de 28 lidsteaten fan de EU in folslein gelikense status; yn de praktyk is, hoewol’t taal as de ûnmisbere lym tusken de ferskillende belangen fan de lidsteaten sjoen wurdt, de organisaasje fan meartaligens net helder en it gelykheidsprinsipe is beheind troch tiid en jild. Sjoch ek François Grin, Language policy evaluation, 2003 en ‘Why multilingualism is affordable,’ élf Working Paper #6, 2010.
  19. François Grin, Language policy evaluation and the European Charter for Regional or Minority Languages (Basingstoke 2003) 153-160.
  20. Michel Foucoult, ‘Pouvoir et corps’, Quel corps? 2 (1975) 2-5; Id., History of sexuality: Vol. I. An introduction (New York 1978).
  21. Pierre Bourdieu, The field of cultural production: essays on art and literature (Cambridge 1993), 166.
  22. Pierre Bourdieu, Language and symbolic power, J. B. Thompson (red.), G. Raymond & M. Adamson (oers.) [1982] (Cambridge 1991), 206.
  23. Pierre Bourdieu en Loïc Wacquant, ‘La nouvelle vulgate planétaire’, Le Monde Diplomatique 554 (2000) 6-7 <http://www.monde-diplomatique.fr/2000/05/BOURDIEU/2269> [krigen 17 april 2016].
  24. ‘Technocrats: Minds like machines’, The Economist, 19 novimber 2011 <http://www.economist.com/node/21538698> [krigen 17 april 2016]. Dit is in bestjoerssysteem dat de diminsje fan it politike negearret troch polityk te redusearjen ta in rige prosedueres dy’t technysk en neutraal wêze soene.
  25. Net publisearre materiaal fan It Skriuwersboun, 2015.
  26. Michael Karlsberg, ‘The paradox of protest in a culture of protest’, Peace & Change 28:3 (2003) 239-351.
  27. De relaasje tusken ûnderdrukking en reboelje is net dúdlik. Brockett (2003) konkludearret: “[R]ational-choice theory—especially in its narrower versions—can take us only so far in understanding protest behavior of nonelites. Certainly nonelites rationally calculate the expected utility of the probable mix of the provision of goods and services and the application of sanctions that would result from supporting the government, supporting the opposition, maintaining neutrality (...). However, violence activates human responses that are usually not involved in deciding, for example, the firm from which to purchase some consumer good (...) and shared principles concerning (...) obligation and justice will undoubtedly influence the nature of one’s response.” Charles D. Brockett, ‘A protest-cycle resolution of the repression/popular-protest paradox’, Social Science History 17:3 (1993) 457-484, 475.
  28. Michael Karlberg, ‘Constructive resilience: The Bahá’í response to oppression’, Peace & Change 35:2 (2010) 222-257, 242-242. Net allinne it sosjaal aktivisme mar ek de ekonomy komt werom fan it ideaal en default state fan de ‘perfekte kompetysje’, sjoch Peter Thiel, ‘Competition is for losers’, The Wall Street Journal, 12 septimber 2014 <http://www.wsj.com/articles/peter-thiel-competition-is-for-losers-1410535536> [krigen 19 april 2016].
  29. Wat de ‘hege kultuer’ oanbelanget, der is ûndersyk dien nei it effekt fan kompetysje op it artistike funksjonearjen en it docht bliken dat kompetysje benammen midsmjittigens en net-orizjinele, mainstream resultaten opsmyt. Sjoch bygelyks Kamal Sinclair, ‘Competition in the arts sucks! Or does it?’, Fractured Atlas Blog, 26 desimber 2008 <https://www.fracturedatlas.org/site/blog/2008/12/26/competition-in-the-arts-sucks-or-does-it/> [krigen 17 april 2016].

Foaropwurd 2.8

Fers2, 17 april 2016

Kultuerferlies VI: De Wet fan de Pommeranten

of, Wêrom’t se de Wet gebrûk Fryske taal net op de frije merk oanbeane

image

Goed nijs foar de Fryslânpromoasje! Stardew Valley, in splinternije role-playing video game oer it buorkjen, de earste agrarysk bedriuwsimulaasje yn de ferdivedaasjesfear, is op ’t heden de populêrste game fan 2016 mei in grutte kâns dy posysje foarearst beset te hâlden. Yn de earste twa wiken nei it útbringen derfan ferkocht it al 400.000 eksimplaren. Fan dit indie spul is alles, it skriuwen, grafysk ûntwerp, programmearjen en it komponearjen fan de muzyk dien troch ien man, it romantyske iensume sjeny. Karakteristyk is de nostalgyske 2D-foarmjouwing en wat de ynhâld oangiet is in abslute primeur yn de gaming dat de útdaging op it plattelân leit. In pake jout syn favorite pakesizzer in sletten slûf: “Nee, nee, iepenje him noch net... haw geduld. Harkje goed... Der sil in dei komme datst dy ferplettere fielst troch de lêst fan it moderne libben.” Tweintich jier letter krijt de pake gelyk. Dan blykt út syn brief dat er in lytse pleats neilitten hat yn it doarpke Stardew Valley. Mei de bewenners yn de kunde te kommen is de earste opdracht foar de pakesizzer, “want dat stelle se wol op priis.” De anonime leechte fan de stêd is dan yn ien klap fuort en de kultuer is rustyk en idyllysk.

Al gau rint de pakesizzer tsjin de oare taal oan. Lânseigen bewenners, dwergen, haffelje ûnfersteanbere dingen. Oan harren foarbygean kin net; op it plattelân binne de ôfhinklikensbannen sterker as yn ’e stêd. Ek kin immen in dwerch wol fanalles kado jaan, mar dat sil de dwerch net yn aksje bringe. It kin net oars as dat de pakesizzer fjouwer Dwerch Rollen donearret oan it museum. Dan krijt er in lesboek yn de Dwerchtaal en allinne as er dy leart kin er fierder yn Stardew Valley. Sadwaande sit der beskerming fan de minderheidstaal yn de game! Kom dêr mar ris om by FarmVille. Of yn de Fryske reality.

Yn 1992 naam de Rie fan Europa it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen oan.It hânfêst, CETS Nû. 148, is skreaun op basis fan in tekst dy’t opsteld is troch de Permaninte Konferinsje, letter Kongres neamd, fan Lokale en Regionale Autoriteiten fan de Rie fan Europa, dêr’t regionale of gemeentlike riedsleden, boargemasters, presidinten of regionale autoriteiten yn sitte, dus ôffeardigen dy’t direkt ferkeazen binne of polityk oanspraaklik binne foar in direkt ferkeazen orgaan (yn it Kongres fan 324 ôffeardigen en 324 ferfangers hat Nederlân 7 ôffeardigen en 7 ferfangers, de nammen binne te finen op www.coe.int/t/congress/whoswho/pays_EN.asp?id=3). It hânfêst is oannommen as in ferdrach, i.e. in rige oerienkommen, stipulearre of algemien akseptearre noarmen of kritearia, op 25 juny 1992 troch it Komitee fan Ministers fan de Rie fan Europa, dat bestiet út de Ministers fan Utlânske Saken fan de Europeeske lidsteaten. It hânfêst is iepene foar ûndertekenjen yn Straatsboarch op 5 novimber 1992 en waard fan krêft op 1 maart 1998. In hânfêst is de kodifikaasje fan in stikmannich prinsipes yn in tekst. Dy tekst tsjinnet as referinsje en toetsstien foar de wetten, hannelingen en gedrachslinen dy’t der op basearre en op ôfstimd wurde.It hânfêst formulearret de haaddoelen en prinsipes foar steaten om ta te passen op har minderheidstalen en befettet ek konkrete maatregels om it brûken fan de minderheidstaal yn it publike libben te stimulearjen. Sjoch foar de tekst op www.coe.int, Council of Europe, European charter for regional or minority languages, European Treaty Series, No. 148, Strasbourg, 5.XI.1992. In hânfêst binnen de Europeeske UnyDe Rie fan Europa wurket nau gear mei de Europeeske Uny (EU); de EU giet op syn bar by de politike en ekonomyske yntegraasje fan Europa út fan de wearden en prinsipes fan de Rie fan Europa en respektearret meastal de ferdraggen fan de Rie by it ûntwerpen fan EU-wetten. De Europeeske Uny is in ekonomysk-politike maatskip; de EU is yn de grûn net mear as in netwurk fan hannelsoerienkomsten en -ferplichtingen dy’t de nasjonale technyske, legale en burokratyske grinzen foar in part opheffe, om, troch frije beweging tusken de lidsteaten, ien frije merk te skeppen, dy’t in sterkere konkurrinsjeposysje ynnimme kin yn de wrâldhannel. Sjoch ‘The EU in brief’, op europa.eu. is dêrom gjin wet dy’t streekrjocht jildt foar de lidsteaten. It is ek gjin direktive, dy’t earst omset wurde moat yn nasjonale wetjouwing fan de lidsteaten. In wet is in beslút fan de Steaten Generaal, dus fan de ryksoerheid. De legere oerheden, Provinsjale Steaten en gemeenten, hawwe ek it rjocht om binende foarskriften út te feardigjen, mar binnen grûnwet en wet—as der in wet is. De Nederlânske ryksoerheid ratifisearre it hânfêst op 2 maaie 1996, mar wie yn 2000 noch net oan de útwurking derfan begûn.Wio Joustra, ‘Bij Friese strijd past geen geweld’, De Volkskrant, 27 september 2000 <www.volkskrant.nl/archief/-bij-friese-strijd-past-geen-geweld~a554250/> [krigen 31 maart 2016]; ‘Rijk weigert streefcijfers Friese les’, Leeuwarder Courant, 22 maaie 2001, 9: “De afspraak om tot een nieuwe bestuursovereenkomst te komen is in 1997 gemaakt. In 1998 werd met de toenmalige staatssecretaris Jacob Kohnstam afgesproken dat de nieuwe bestuursafspraak zou gelden tot 2008. Tot september 2000 gebeurde er vervolgens niets meer, hoofdzakelijk vanwege een gebrek aan interesse bij de ministeries.”. Yn 2008, tsien jier nei’t it hânfêst effektyf waard, kaam it tredde rapport fan it Komitee fan Eksperts fan de Rie fan Europa, dat oer it neilibjen fan it hânfêst troch it Nederlânske regear tige kritysk wie. It ûnderwiis yn it Frysk faalde en ynstellingen as Rykswettersteat en de Belestingtsjinst negearren it Frysk, ek al joech it hânfêst it rjocht om de eigen taal te brûken.Committee of Experts of the Council of Europe, ‘Application of the Charter in the Netherlands, 3rd monitoring cycle’, Council of Europe, 9 july 2008 <http://www.coe.int/t/dg4/education/minlang/Report/EvaluationReports/NetherlandsECRML3_en.pdf> [krigen 10 april 2016]; ‘Rijk laat Friese taal bungelen’, Leeuwarder Courant, 15 july 2008, 1; Willem Bosma, ‘Tien jaar Handvest bracht het Fries weinig’, Leeuwarder Courant, 17 july 2008, 13. It Konsultatyf Orgaan Frysk (no: Dingtiid) dêr’t it hânfêst ta ‘ferplichtet’,Op grûn fan kêst 7, lid 4 fan it Europeesk hânfest foar regionale of minderheidstalen; it konsultatyf orgaan dat de Minister fan Ynlânske Saken yn 1998 ynstelde, wie de formele ynstelling fan de funksje. om de Minister fan Ynlânske Saken te ynformearjen oer saken oangeande it hânfêst, kaam der krekt op 18 febrewaris 2010. It hânfêst is nea yn it Frysk oerset.

It Ramtferdrach foar Beskerming fan Nasjonale Minderheden, troch de Rie fan Europa oannommen yn 1998, stie al iepen foar ûndertekening yn 1995; Nederlân ratifisearre it krekt op 16 jannewaris 2005. In pear moanne dêrnei gie it yn wurking, mar in ûndersyk yn 2010 liet sjen dat it gjin rol fan betsjutting spile.Vincent de Graaf, ‘Nederland schiet tekort in naleving kaderverdrag minderheden', NJCM-Bulletin 35:5 (2010) 463-483; ‘Nederlân skeint Ramtferdrach’, It Nijs, 14 desimber 2010 <http://www.itnijs.frl/2010/12/nederlan-skeint-ramtferdrach/> [krigen 31 maart 2016]. Yn 2013, trije jier nei it negative oardiel fan jurist yn de minskerjochten De Graaf (noat 9), jout it Riejaand Komitee foar it Ramtferdrach oangeande it beskermjen fan de Nasjonale Minderheden de behelle resultaten opnij net objektyf en klear wer en binne syn oanbefellingen net relevant: “Nederlân jout noch altyd in soad omtinken oan it beskermjen fan de rjochten fan de Fryske minderheid en biedt gâns stipe oan de aktiviteiten fan de Fryske mienskip. Yn de ôfrûne jierren is it ûnderwiis yn de Fryske taal signifikant ferbettere, mar it tekoart oan befoege learkrêften Frysk bliuwt foar de Fryske minderheid nuodlik.” Ek fan dit rapport is de fersprieding noch altyf beheind, wylst ien fan de minpunten neffens De Graaf wie dat de boarger gjin tagong hat ta de teksten dy’t him oanbelangje. Sjoch Riejaand Komitee, Twadde advys oan Nederlân, 20 juny 2013 <https://www.coe.int/t/dghl/monitoring/minorities/3_FCNMdocs/PDF_2nd_OP_TheNetherlands_fy.pdf> [krigen 31 maart 2016]. De rapporten brochten foarinoar wat de Fryske beweging net slagge wie: se makken yn De Haach it missen fan in taalwet lykas Wales dy hat pynlik fielber. Al fan Kneppelfreed ôf, 16 novimber 1951, wie by de ryksoerheid it belang fan beskerming fan de Fryske taal en kultuer dúdlik. De kommisje Van Ommen befêstige dat yn 1970 sadat de provinsje offisjeel twatalich waard. Yn 1977 stie it Ynstitút foar Taalyntegraasje by de provinsje oan op in Fryske taalwet om’t de regeling foar it rjochtsferkear út 1956 net foldie.‘Der moat in taelwet foar it Frysk komme’, Leeuwarder Courant, 1 septimber 1977, 22. Wat wetlik regele wie yn de Wet gebruik Friese taal in het rechtsverkeer, fan 11 maaie 1956, ferfallen op 1 jannewaris 2014, soe hieltyd minder oanslute by de Fryske neden, de wet soe net nedich wêze (wat deryn fêstlein is kin ek op oare manieren regele wurde) en it Ynstitút foar Taalyntegraasje trúnt oan op regelingen foar oare maatskiplike mêden, lykas it ûnderwiis en kultuer. Sjoch fierder Jitse P. fan Dyk, Klaas J. van Dijk en Auke S. van der Goot [Ynstitút foar Tael-Yntegraesje], Frysk yn it offisjele forkear: In memorandum (Grins 1977); Piet Hemminga, Het beleid inzake unieke regionale talen. Een onderzoek naar het beleid en de beleidsvorming met betrekking tot een drietal unieke regionale talen: het Fries in Nederland en het Noordfries en Sorbisch in Duitsland (Dissertaasje, Universiteit van Amsterdam) (Ljouwert 2000) 171-242. Op 4 july 1989 kaam de earste Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer,In fertikale delegaasje fan it hânfêst foar de bysûndere beskerming fan regionale talen foar noarmen oangeande de ynhâld en resultaten fan it ûnderwiis is net tastien. Sokke kearndoelen Frysk moatte dus troch de provinsje Fryslân sels fêststeld wurde. Wat de ynternasjonale ferdraggen oanbelanget dy’t de Nederlânske steat ûndertekene hat, is de provinsje fia bestjoersôfspraken ferplichte om it brûken fan de Fryske taal fuort te sterkjen en de kwaliteit—net de noamen—fan it ûnderwiis yn it Frysk te garandearjen. Dat is ien fan de redenen wêrom’t op de measte scholen in Fryslân de Fryske taal (op papier) ferplichte is. dy’t neffens de Rie fan Steat lykwols symboalysk fan aard wieDe Rie fûn sa’n bepaling as de bestjoersôfspraak “niet noodzakelijk voor de samenwerking.” Twadde Keamer, ferslach behanneling wetsútstel Regels met betrekking tot het gebruik van de Friese taal in het bestuurlijk verkeer en in het rechtsverkeer (Wet gebruik Friese taal) (33335), 6 juny 2013, 3 <https://www.tweedekamer.nl/downloads/document?id=f57aae5e-adb8-408f-bedf-8ba51191b274&title=Wet gebruik Friese taal (33 335).pdf> [krigen 31 maart 2016]. en gjin garânsjes bea,Benammen net troch it nasjonale ûnderwiisbelied, dat it Frysk net in soad romte joech. Reinier Salverda, ‘De andere talen van Nederland’, Ons Erfdeel 44 (2001) 721-731, 724. bygelyks waard yn 1998 yn it basisûnderwiis it Nederlânsk offisjeel de fiertaal.‘Neon – Nederlands online’, Niederlandische Philologie, Freie Universität Berlin, 2015 <http://neon.niederlandistik.fu-berlin.de/nl/nedling/langvar/statusdutch> [krigen 31 maart 2016]. Oan de Wet op it primêr ûnderwiis waard doe, op 1 augustus 1998, de sin taheakke: “Het onderwijs wordt gegeven in het Nederlands.” Sjoch Wet op het primair onderwijs, Kêst 13 <http://wetten.overheid.nl/BWBR0003420/2016-01-18> [krigen op 31 maart 2016]. Lang om let kaam op 1 jannewaris 2014 de Wet gebrûk Fryske taal.Wet gebruik Friese taal <http://wetten.overheid.nl/BWBR0034047/2014-01-01> [krigen 29 maart 2016]. De Wet gebrûk Fryske taal rjochtet him benammen op it Frysk yn it rjochtsferkear en it bestjoerlik ferkear. It giet om basisrjochten; is is in pragmatyske en realistische opset en ynfolling fan de ôfspraak út it Regearakkoart fan it kabinet Rutte I, yn 2010. Mei de yn 2013 ôfsletten Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer soe der in kompleet pakket mei finansiering lizze.

Holp dat? Kêst 3 fan de Wet gebrûk Fryske taal giet: “1. Elkenien kin de Fryske taal brûke yn it ferkear mei bestjoersorganen, foar safier’t dy yn (...) Fryslân fêstige binne (...). 2. “It earste lid jildt net as it bestjoersorgaan frege hat om de Nederlânske taal te brûken om’t it brûken fan it Frysk ta in ûnevenredige belêsting fan it bestjoerlik ferkear liede soe.”Wet gebruik Friese taal <http://wetten.overheid.nl/BWBR0034047/2014-01-01> [krigen 29 maart 2016]. Sa’n wet helpt dus net. It tastean fan in taal mei sa’n lege taalstatus as it Frysk wurdt altyd ‘ûnevenredich’ dreech fûn. De wet makket it de Belestingtsjinst just mar al te maklik it Fryskbrûken te ferbieden om’t it kantoar net yn Fryslân fêstige is, ek al seit de wet neat oer in ferbod.‘Ferbod foar meiwurkers belestingtelefoan om Frysk te praten’, It Nijs, 12 maart 2016 <http://www.itnijs.frl/2016/03/ferbod­foar­meiwurkers­belestingtelefoan­om­frysk­te­praten/> [krigen 29 maart 2016]. De belestingtsjinst fiert oan dat syn fêstigingsplak net yn Fryslân is. Dêrmei ferfalt foar de wurknimmer it rjocht om Frysk te praten dat fêstlein is yn de Wet gebrûk Fryske taal. Unnedich ta te heakjen dat Kêst 4 allyksa oan alle wurknimmers yn Fryslân it rjocht jout om Frysk te brûken, behalven as ien ‘wederpartij’ freget om it by it Nederlânsk te hâlden. Unferwacht is ek net mear dat, hoewol’t de keamerfraksjes fan CDA, CU en VVD de minister frege hawwe it wetsútstel te út te wreidzjen, de wet him beheint ta formeel bestjoersferkear en rjochtspraak en neat seit oer de oare domeinen, lykas ûnderwiis en ekonomysk en sosjaal libben, dêr’t it hânfêst op doelt,Twadde Keamer, ferslach behanneling wetsútstel Regels met betrekking tot het gebruik van de Friese taal in het bestuurlijk verkeer en in het rechtsverkeer (Wet gebruik Friese taal) (33335), 6 juny 2013, 2-3 (Fraach fan de hear Rouwe, CDA) <https://www.tweedekamer.nl/downloads/document?id=f57aae5e-adb8-408f-bedf-8ba51191b274&title=Wet gebruik Friese taal (33 335).pdf> [krigen 31 maart 2016]. De domeinen dêr’t it hânfêst foar regionale en minderheidstalen op fan tapassing is binne ûnderwiis, media, kulturele aktiviteiten en foarsjenningen, ekonomysk en sosjaal libben, útwikselingen oer de grinzen hinne, bestjoerlike autoriteiten en iepenbiere tsjinsten en rjochterlike autoriteiten. lit stean dat der desintralisaasje yn útwurke is fan de ryksoerheid nei de provinsje, ek al is dat oan de oerheid advisearreTwadde Keamer, Keamerstik, 33 335 Regels met betrekking tot het gebruik van de Friese taal in het bestuurlijk verkeer en in het rechtsverkeer (Wet gebruik Friese taal), Nr. 6 Ferslach Nû. 6, fêststeld 7 november 2012, Par. 3. <https://zoek.officielebekendmakingen.nl/kst-33335-6.html> [krigen 31 maart 2016]. yn 2008“De commissie adviseert om rijkstaken op het terrein van de Friese taal zoveel mogelijk naar de provincie Fryslân te decentraliseren.” Gemengde commissie decentralisatievoorstellen provincies (û.l.f. Tineke Lodders), Ruimte, Regie en Rekenschap, Rapport, 37 <https://www.rijksoverheid.nl/documenten/rapporten/2008/03/17/rapport-commissie-lodders-ruimte-regie-en-rekenschap> [krigen 31 maart 2016]. en 2010.Utstel taakferdieling ryk en provinsje: “2. De provinsje bepaalt it belied yn ferbân mei it Frysk en stiet noed fan de útfiering dêrfan.” Stuurgroep decentralisatie Friese taal van het Rijk naar de provincie Fryslân (û.l.f. R.J. Hoekstra), ‘Fries in het Onderwijs: meer ruimte, regie en rekenschap voor de provincie Fryslân, Rapport, 2010, 12 <http://www.rijksoverheid.nl/documenten-en-publicaties/rapporten/2011/03/10/rapport-fries-in-het-onderwijs.html> [krigen 31 maart 2016].

In oare fraach is oft in wet om de Fryske taal fuort te sterkjen überhaupt helpe kin. Bliken docht dat sterk fuortsterkjende taalrezjyms in oantal saken gelikens hawwe yn har belied. Earst is it brûken fan de minderheidstaal yn iepenbiere ynstituten, yn it ûntfangen fan publike tsjinsten en yn it rjochtssysteem goed garandearre en der is in elemint fan ferplichting yn it ûnderwiis troch ûnderwiis yn de regionale of minderheidstaal de noarm foar alle studinten te meitsjen, sels foar wa’t dy taal net de thústaal is. Twad, en essinsjeel, is dat sokke rezjyms meastal ferplichtingen skeppe oangeande it brûken fan de taal yn de private en frijwillige sektor, dus de domeinen dy’t gewoanlik oer de holle sjoen wurde yn taalrjochtrezjyms en yn net-sterk fuortsterkjende modellen. In foarbyld is dat alle reklame yn de minderheidstaal ferskynt, hoewol’t it dêrneist yn de steatstaal ferskine mei.Robert Dunbar, ‘Successful cohabitation: What contribution can the law really make?’, yn: Gerhard Stickel (red.), National, regional and minority languages in Europe: Contributions to the Annual Conference 2009 of EFNIL in Dublin (Frankfurt am Main 2011) 35-­52, 47. Taalrjocht­ekspert Robert Dunbar skreau yn 2011:

Many regional minority languages are in a minoritised position even within the territories with which they are historically associated and to which significant autonomy has been given. This means that there is often less concensus of the language regime beyond the public sector. While the language is often still considered the language of a ‘nation’ centered on the particular territory, its sociolinguistic and demographic position tends to be weaker (...), we tend to find a more limited model of linguistic promotion.Robert Dunbar, ‘Successful cohabitation: What contribution can the law really make?’, yn: Gerhard Stickel (red.), National, regional and minority languages in Europe: Contributions to the Annual Conference 2009 of EFNIL in Dublin (Frankfurt am Main 2011) 35­-52, 49.

Tolve jier earder hie taalrjochtspesjalist Dónall O’Riagáin op in ynternasjonale konferinsje sein:

I would mention two key words: empowerment and realism. Let me explain. I believe the most effective way for any government to put the provisions of the charter into effect is to empower those who use these languages to put in place the required measures. By that I mean that central government should devolve the relevant competencies and required resources to those regional, provincial and local authorities or other appropriate bodies that represent the users of regional or minority languages. The European Charter of Self-Government (...) offers us clear guidelines on this matter. The Congress of Local and Regional Authorities spelt out very clear its Recommendation No. 43.Dónall O'Riagáin, ‘The political importance of the European Charter for Regional and Minority Languages’ yn: Council of Europe, Implementation of the European Charter for Regional or Minority Languages (Regional or Minority Languages No. 2) (Straatsboarch 1999) 14­-20, 17.

En dêr stiet it, glêshelder: “re­grant these authorities the competence to rule on the use of regional or minority languages in their elected bodies and administration, in their relations with the citizens.”Congress of Local and Regional Authorities, Council of Europe, Recommendation 43 (1998) on territorial autonomy and national minorities, f <https://wcd.coe.int/ViewDoc.jsp?p=&id=853855&Site=COE&direct=true> [krigen 29 maart 2016]. Kursyf Fers2. Mar net inkeld binne de aktive taalbrûkende boargers yn Fryslân in minderheid binnen har eigen minderheidskultuer, ek leit it doel fan it hânfêst net by de taalbrûkers. It heechste doel fan it hânfêst is kultureel. It beskermet syn Europeeske (ymmateriële) erfskip mei de minderheidstalen as in aspekt derfan en it beskermet de minderheidstalen, mar net de taalminderheid. Dus de klam leit op de kulturele diminsje en as sadanich op it brûken fan de minderheidstaal yn alle libbensaspekten.Council of Europe, European charter for regional or minority languages, Explanatory report, 2, par. 10-­11 <https://rm.coe.int/CoERMPublicCommonSearchServices/DisplayDCTMContent?documentId=09000016800cb5e5> [krigen 29 maart 2016]. De aard fan it effekt fan it hânfêst op it libben fan de taalbrûkers is net de earste soarch.Athanasia Spiliopoulou Åkermark, Justifications of minority protection in international law (Londen/De Haach/Boston 1997) 82­-83. Dat betsjut net dat it provinsjebestjoer sûnder each foar de belangen fan de taalbrûkers samar wat losse kulturele dinkjes ûnderstypje moat, mar gjinien kin se op juridyske grûnen keare as se it wol dogge.

Al mei al wol it hânfêst dat de minsken wat Frysk brûke yn de publike romte, makket net út hoe, dus fia in hânfol formele kanalen en in pear folkloristyske rituelen is goed genôch,“However, it is precisely unplanned, informal, spontaneous and unritualised language use that constitutes the bulk of normal language use.” Joshua Fishman, ‘Endangered minority languages: Prospects for sociolinguistic research’, International Journal on Multicultural Societies (IJMS) 4.2 (2002), 270-275, 274. en it bestjoers­akkoart bynt de provinsje deroan; oan de oare kant stiet de Wet gebrûk Fryske taal dy’t net sasear krêfteleas is as dat er de effekten fan hânfêst en akkoart beheint ta saken dy’t net belêstigjend binne foar de status quo, dus dy’t de Nederlânske taal beskermet en it Frysk yn syn minderheidsposysje yn Fryslân hâldt; en folslein bûten spul stiet de boarger dy’t amper by it wetjaande proses belutsen is om’t Europa en de provinsjale steaten swak-demokratysk binneHoewol’t neffens politikologen it Ferdrach fan Maastricht en it Ferdrach fan Lissabon de legitimiteit en transparantens fan de Europeeske Uny ferhege hawwe, is de saneamde democratic deficit net weinommen. Earst is der in ferskil tusken formele legitimiteit, dy’t wol ferbettere is, en in sosjale legitimiteit, dy’t efter bliuwt troch de lege akseptaasje fan de EU, sa’t bliken docht út de lege opkomst by ferkiezingen. Sjoch Matej Avbelj, 2005. Twad is der te min polityk yn de EU dy’t boargers begripe kinne, wat komme soe troch te min kennis fan politike partijen (en deagewoan fan te min transparantens, want bygelyks it Ferdrach fan Lissabon befettet 479 siden mei 2 ferdraggen, 23 protokollen en 65 ferklearringen) en bestindige wurdt troch te min stimmen op EU-ferkiezingen. De lege opkomst by ferkiezingen ferswakket de demokratyske legitimiteit fan de EU. Sjoch Andreas Follesdal & Simon Hix, 2005 en Vivian Schmidt, 2011. It tekoart oan demokratyske legitimiteit fan de provinsje komt fan de lege ferkiezings­opkomst. Sjoch bygelyks Arend Lijphart, 1998 oer low voter turnout; en Niek Hietbrink en Evert van Voorst, Gearfetting fan ‘Regionale media: oog en oor voor de provinciale democratie: een onderzoek naar de berichtgeving over de provinciale statenverkiezingen door regionale nieuwsmedia in vijf provincies in Nederland’, Rapport Windesheim (Zwolle 2011): “De staten­verkiezingen trekken normaliter geringe belangstelling. Burgers hebben weinig directe contacten met de provinciale bestuurders en volks­vertegenwoordigers. Provincies doen vooral zaken met andere overheden, het bedrijfsleven en maat­schappelijke organisaties. Provinciaal beleid en provinciale bestuurders zijn bij de burgers weinig bekend. (...) regionale media voorzien de burgers in onvoldoende mate van informatie op grond waarvan die burgers zich een goed oordeel kunnen vormen over belangrijke provinciale verkiezings­onderwerpen.” Sjoch ek Theo Klein, ‘Een ‘lottocratie’ kan de democratie misschien redden’, Friesch Dagblad, 15 april 2016, 23. en ynstruminten as sivile deliberative diskusjerûnten nea ynset waarden. De maatregels om it Frysk te beskermjen binne wetten fan pommeranten. As de boarger mar leaut dat der in wet is, foar sa lang at it spul duorret, kreëarret dy wet in konsensusrealiteit, in firtuele realiteit lykas de fjouwer Dwerch Rollen-regel yn Stardew Valley dogge—behalven dan dat de wet fan de pommeranten gjin 400.000 keapers nedich hat, mar hielendal net hoecht te oerlibjen op in merk mei krityske konsuminten en dus effektyf noch rjochtfeardich hoecht te wêzen.

Wat der bart by in apatyske hâlding njonken it beskermjen fan kultureel erfskip litte de Feriene Steaten sjen, dêr’t krekt yn 1906 in earste wet kaam om bouwurken te behâlden—ús wet, of feitlik Napoleon sines, om tsjerkegebouwen te beskermjen wie in ieu earder. Kultuerguod, lykas ek taal, kin samar ferdwûn wêze as der gjin wetten binne. Oan ’e oare kant kinne boargers frij simpel in wet meitsje, echt wier, gjin pommeranten nedich, stiet op WikiHow by ‘How to change a law through the democratic process’. Dus, wêrom dogge wy dat dan net?

Oer fjirtjin dagen mear oer wêrom’t wy net dogge wat wy wol moatte!

Noaten

  1. It hânfêst, CETS Nû. 148, is skreaun op basis fan in tekst dy’t opsteld is troch de Permaninte Konferinsje, letter Kongres neamd, fan Lokale en Regionale Autoriteiten fan de Rie fan Europa, dêr’t regionale of gemeentlike riedsleden, boargemasters, presidinten of regionale autoriteiten yn sitte, dus ôffeardigen dy’t direkt ferkeazen binne of polityk oanspraaklik binne foar in direkt ferkeazen orgaan (yn it Kongres fan 324 ôffeardigen en 324 ferfangers hat Nederlân 7 ôffeardigen en 7 ferfangers, de nammen binne te finen op www.coe.int/t/congress/whoswho/pays_EN.asp?id=3). It hânfêst is oannommen as in ferdrach, i.e. in rige oerienkommen, stipulearre of algemien akseptearre noarmen of kritearia, op 25 juny 1992 troch it Komitee fan Ministers fan de Rie fan Europa, dat bestiet út de Ministers fan Utlânske Saken fan de Europeeske lidsteaten. It hânfêst is iepene foar ûndertekenjen yn Straatsboarch op 5 novimber 1992 en waard fan krêft op 1 maart 1998.
  2. It hânfêst formulearret de haaddoelen en prinsipes foar steaten om ta te passen op har minderheidstalen en befettet ek konkrete maatregels om it brûken fan de minderheidstaal yn it publike libben te stimulearjen. Sjoch foar de tekst op www.coe.int, Council of Europe, European charter for regional or minority languages, European Treaty Series, No. 148, Strasbourg, 5.XI.1992.
  3. De Rie fan Europa wurket nau gear mei de Europeeske Uny (EU); de EU giet op syn bar by de politike en ekonomyske yntegraasje fan Europa út fan de wearden en prinsipes fan de Rie fan Europa en respektearret meastal de ferdraggen fan de Rie by it ûntwerpen fan EU-wetten. De Europeeske Uny is in ekonomysk-politike maatskip; de EU is yn de grûn net mear as in netwurk fan hannelsoerienkomsten en -ferplichtingen dy’t de nasjonale technyske, legale en burokratyske grinzen foar in part opheffe, om, troch frije beweging tusken de lidsteaten, ien frije merk te skeppen, dy’t in sterkere konkurrinsjeposysje ynnimme kin yn de wrâldhannel. Sjoch ‘The EU in brief’, op europa.eu.
  4. Wio Joustra, ‘Bij Friese strijd past geen geweld’, De Volkskrant, 27 september 2000 <www.volkskrant.nl/archief/-bij-friese-strijd-past-geen-geweld~a554250/> [krigen 31 maart 2016]; ‘Rijk weigert streefcijfers Friese les’, Leeuwarder Courant, 22 maaie 2001, 9: “De afspraak om tot een nieuwe bestuursovereenkomst te komen is in 1997 gemaakt. In 1998 werd met de toenmalige staatssecretaris Jacob Kohnstam afgesproken dat de nieuwe bestuursafspraak zou gelden tot 2008. Tot september 2000 gebeurde er vervolgens niets meer, hoofdzakelijk vanwege een gebrek aan interesse bij de ministeries.”.
  5. Committee of Experts of the Council of Europe, ‘Application of the Charter in the Netherlands, 3rd monitoring cycle’, Council of Europe, 9 july 2008 <http://www.coe.int/t/dg4/education/minlang/Report/EvaluationReports/NetherlandsECRML3_en.pdf> [krigen 10 april 2016]; ‘Rijk laat Friese taal bungelen’, Leeuwarder Courant, 15 july 2008, 1; Willem Bosma, ‘Tien jaar Handvest bracht het Fries weinig’, Leeuwarder Courant, 17 july 2008, 13.
  6. Op grûn fan kêst 7, lid 4 fan it Europeesk hânfest foar regionale of minderheidstalen; it konsultatyf orgaan dat de Minister fan Ynlânske Saken yn 1998 ynstelde, wie de formele ynstelling fan de funksje.
  7. Vincent de Graaf, ‘Nederland schiet tekort in naleving kaderverdrag minderheden', NJCM-Bulletin 35:5 (2010) 463-483; ‘Nederlân skeint Ramtferdrach’, It Nijs, 14 desimber 2010 <http://www.itnijs.frl/2010/12/nederlan-skeint-ramtferdrach/> [krigen 31 maart 2016].
  8. Yn 2013, trije jier nei it negative oardiel fan jurist yn de minskerjochten De Graaf (noat 9), jout it Riejaand Komitee foar it Ramtferdrach oangeande it beskermjen fan de Nasjonale Minderheden de behelle resultaten opnij net objektyf en klear wer en binne syn oanbefellingen net relevant: “Nederlân jout noch altyd in soad omtinken oan it beskermjen fan de rjochten fan de Fryske minderheid en biedt gâns stipe oan de aktiviteiten fan de Fryske mienskip. Yn de ôfrûne jierren is it ûnderwiis yn de Fryske taal signifikant ferbettere, mar it tekoart oan befoege learkrêften Frysk bliuwt foar de Fryske minderheid nuodlik.” Ek fan dit rapport is de fersprieding noch altyf beheind, wylst ien fan de minpunten neffens De Graaf wie dat de boarger gjin tagong hat ta de teksten dy’t him oanbelangje. Sjoch Riejaand Komitee, Twadde advys oan Nederlân, 20 juny 2013 <https://www.coe.int/t/dghl/monitoring/minorities/3_FCNMdocs/PDF_2nd_OP_TheNetherlands_fy.pdf> [krigen 31 maart 2016].
  9. ‘Der moat in taelwet foar it Frysk komme’, Leeuwarder Courant, 1 septimber 1977, 22. Wat wetlik regele wie yn de Wet gebruik Friese taal in het rechtsverkeer, fan 11 maaie 1956, ferfallen op 1 jannewaris 2014, soe hieltyd minder oanslute by de Fryske neden, de wet soe net nedich wêze (wat deryn fêstlein is kin ek op oare manieren regele wurde) en it Ynstitút foar Taalyntegraasje trúnt oan op regelingen foar oare maatskiplike mêden, lykas ûnderwiis en kultuer. Sjoch fierder Jitse P. fan Dyk, Klaas J. van Dijk en Auke S. van der Goot [Ynstitút foar Tael-Yntegraesje], Frysk yn it offisjele forkear: In memorandum (Grins: Ynstitut foar Taal-Yntegraesje, 1977); Piet Hemminga, Het beleid inzake unieke regionale talen. Een onderzoek naar het beleid en de beleidsvorming met betrekking tot een drietal unieke regionale talen: het Fries in Nederland en het Noordfries en Sorbisch in Duitsland (Dissertaasje, Universiteit van Amsterdam) (Ljouwert: Fryske Akademy, 2000) 171-242.
  10. In fertikale delegaasje fan it hânfêst foar de bysûndere beskerming fan regionale talen foar noarmen oangeande de ynhâld en resultaten fan it ûnderwiis is net tastien. Sokke kearndoelen Frysk moatte dus troch de provinsje Fryslân sels fêststeld wurde. Wat de ynternasjonale ferdraggen oanbelanget dy’t de Nederlânske steat ûndertekene hat, is de provinsje fia bestjoersôfspraken ferplichte om it brûken fan de Fryske taal fuort te sterkjen en de kwaliteit—net de noamen—fan it ûnderwiis yn it Frysk te garandearjen. Dat is ien fan de redenen wêrom’t op de measte scholen in Fryslân de Fryske taal (op papier) ferplichte is.
  11. De Rie fûn sa’n bepaling as de bestjoersôfspraak “niet noodzakelijk voor de samenwerking.” Twadde Keamer, ferslach behanneling wetsútstel Regels met betrekking tot het gebruik van de Friese taal in het bestuurlijk verkeer en in het rechtsverkeer (Wet gebruik Friese taal) (33335), 6 juny 2013, 3 <https://www.tweedekamer.nl/downloads/document?id=f57aae5e-adb8-408f-bedf-8ba51191b274&title=Wet gebruik Friese taal (33 335).pdf> [krigen 31 maart 2016].
  12. Benammen net troch it nasjonale ûnderwiisbelied, dat it Frysk net in soad romte joech. Reinier Salverda, ‘De andere talen van Nederland’, Ons Erfdeel 44 (2001) 721-731, 724.
  13. ‘Neon – Nederlands online’, Niederlandische Philologie, Freie Universität Berlin, 2015 <http://neon.niederlandistik.fu-berlin.de/nl/nedling/langvar/statusdutch> [krigen 31 maart 2016]. Oan de Wet op it primêr ûnderwiis waard doe, op 1 augustus 1998, de sin taheakke: “Het onderwijs wordt gegeven in het Nederlands.” Sjoch Wet op het primair onderwijs, Kêst 13 <http://wetten.overheid.nl/BWBR0003420/2016-01-18> [krigen op 31 maart 2016].
  14. Wet gebruik Friese taal <http://wetten.overheid.nl/BWBR0034047/2014-01-01> [krigen 29 maart 2016]. De Wet gebrûk Fryske taal rjochtet him benammen op it Frysk yn it rjochtsferkear en it bestjoerlik ferkear. It giet om basisrjochten; is is in pragmatyske en realistische opset en ynfolling fan de ôfspraak út it Regearakkoart fan it kabinet Rutte I, yn 2010. Mei de yn 2013 ôfsletten Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer soe der in kompleet pakket mei finansiering lizze.
  15. Wet gebruik Friese taal <http://wetten.overheid.nl/BWBR0034047/2014-01-01> [krigen 29 maart 2016].
  16. ‘Ferbod foar meiwurkers belestingtelefoan om Frysk te praten’, It Nijs, 12 maart 2016 <http://www.itnijs.frl/2016/03/ferbod­foar­meiwurkers­belestingtelefoan­om­frysk­te­praten/> [krigen 29 maart 2016]. De belestingtsjinst fiert oan dat syn fêstigingsplak net yn Fryslân is. Dêrmei ferfalt foar de wurknimmer it rjocht om Frysk te praten dat fêstlein is yn de Wet gebrûk Fryske taal.
  17. Twadde Keamer, ferslach behanneling wetsútstel Regels met betrekking tot het gebruik van de Friese taal in het bestuurlijk verkeer en in het rechtsverkeer (Wet gebruik Friese taal) (33335), 6 juny 2013, 2-3 (Fraach fan de hear Rouwe, CDA) <https://www.tweedekamer.nl/downloads/document?id=f57aae5e-adb8-408f-bedf-8ba51191b274&title=Wet gebruik Friese taal (33 335).pdf> [krigen 31 maart 2016]. De domeinen dêr’t it hânfêst foar regionale en minderheidstalen op fan tapassing is binne ûnderwiis, media, kulturele aktiviteiten en foarsjenningen, ekonomysk en sosjaal libben, útwikselingen oer de grinzen hinne, bestjoerlike autoriteiten en iepenbiere tsjinsten en rjochterlike autoriteiten.
  18. Twadde Keamer, Keamerstik, 33 335 Regels met betrekking tot het gebruik van de Friese taal in het bestuurlijk verkeer en in het rechtsverkeer (Wet gebruik Friese taal), Nr. 6 Ferslach Nû. 6, fêststeld 7 november 2012, Par. 3. <https://zoek.officielebekendmakingen.nl/kst-33335-6.html> [krigen 31 maart 2016].
  19. “De commissie adviseert om rijkstaken op het terrein van de Friese taal zoveel mogelijk naar de provincie Fryslân te decentraliseren.” Gemengde commissie decentralisatievoorstellen provincies (û.l.f. Tineke Lodders), Ruimte, Regie en Rekenschap, Rapport, 37 <https://www.rijksoverheid.nl/documenten/rapporten/2008/03/17/rapport-commissie-lodders-ruimte-regie-en-rekenschap> [krigen 31 maart 2016].
  20. Utstel taakferdieling ryk en provinsje: “2. De provinsje bepaalt it belied yn ferbân mei it Frysk en stiet noed fan de útfiering dêrfan.” Stuurgroep decentralisatie Friese taal van het Rijk naar de provincie Fryslân (û.l.f. R.J. Hoekstra), ‘Fries in het Onderwijs: meer ruimte, regie en rekenschap voor de provincie Fryslân, Rapport, 2010, 12 <http://www.rijksoverheid.nl/documenten-en-publicaties/rapporten/2011/03/10/rapport-fries-in-het-onderwijs.html> [krigen 31 maart 2016].
  21. Robert Dunbar, ‘Successful cohabitation: What contribution can the law really make?’, yn: Gerhard Stickel (red.), National, regional and minority languages in Europe: Contributions to the Annual Conference 2009 of EFNIL in Dublin (Frankfurt am Main 2011) 35-­52, 47.
  22. Robert Dunbar, ‘Successful cohabitation: What contribution can the law really make?’, yn: Gerhard Stickel (red.), National, regional and minority languages in Europe: Contributions to the Annual Conference 2009 of EFNIL in Dublin (Frankfurt am Main 2011) 35­-52, 49.
  23. Dónall O'Riagáin, ‘The political importance of the European Charter for Regional and Minority Languages’ yn: Council of Europe, Implementation of the European Charter for Regional or Minority Languages (Regional or Minority Languages No. 2) (Straatsboarch 1999) 14­-20, 17.
  24. Congress of Local and Regional Authorities, Council of Europe, Recommendation 43 (1998) on territorial autonomy and national minorities, f <https://wcd.coe.int/ViewDoc.jsp?p=&id=853855&Site=COE&direct=true> [krigen 29 maart 2016]. Kursyf Fers2.
  25. Council of Europe, European charter for regional or minority languages, Explanatory report, 2, par. 10-­11 <https://rm.coe.int/CoERMPublicCommonSearchServices/DisplayDCTMContent?documentId=09000016800cb5e5> [krigen 29 maart 2016].
  26. Athanasia Spiliopoulou Åkermark, Justifications of minority protection in international law (Londen/De Haach/Boston 1997) 82­-83.
  27. “However, it is precisely unplanned, informal, spontaneous and unritualised language use that constitutes the bulk of normal language use.” Joshua Fishman, ‘Endangered minority languages: Prospects for sociolinguistic research’, International Journal on Multicultural Societies (IJMS) 4.2 (2002), 270-275, 274.
  28. Hoewol’t neffens politikologen it Ferdrach fan Maastricht en it Ferdrach fan Lissabon de legitimiteit en transparantens fan de Europeeske Uny ferhege hawwe, is de saneamde democratic deficit net weinommen. Earst is der in ferskil tusken formele legitimiteit, dy’t wol ferbettere is, en in sosjale legitimiteit, dy't efter bliuwt troch de lege akseptaasje fan de EU, sa’t bliken docht út de lege opkomst by ferkiezingen. Sjoch Matej Avbelj, 2005. Twad is der te min polityk yn de EU dy’t boargers begripe kinne, wat komme soe troch te min kennis fan politike partijen (en deagewoan fan te min transparantens, want bygelyks it Ferdrach fan Lissabon befettet 479 siden mei 2 ferdraggen, 23 protokollen en 65 ferklearringen) en bestindige wurdt troch te min stimmen op EU-ferkiezingen. De lege opkomst by ferkiezingen ferswakket de demokratyske legitimiteit fan de EU. Sjoch Andreas Follesdal & Simon Hix, 2005 en Vivian Schmidt, 2011.
  29. It tekoart oan demokratyske legitimiteit fan de provinsje komt fan de lege ferkiezingsopkomst. Sjoch bygelyks Arend Lijphart, 1998 oer low voter turnout; en Niek Hietbrink en Evert van Voorst, Gearfetting fan ‘Regionale media: oog en oor voor de provinciale democratie: een onderzoek naar de berichtgeving over de provinciale statenverkiezingen door regionale nieuwsmedia in vijf provincies in Nederland’, Rapport Windesheim (Zwolle 2011): “De statenverkiezingen trekken normaliter geringe belangstelling. Burgers hebben weinig directe contacten met de provinciale bestuurders en volksvertegenwoordigers. Provincies doen vooral zaken met andere overheden, het bedrijfsleven en maatschappelijke organisaties. Provinciaal beleid en provinciale bestuurders zijn bij de burgers weinig bekend. (...) regionale media voorzien de burgers in onvoldoende mate van informatie op grond waarvan die burgers zich een goed oordeel kunnen vormen over belangrijke provinciale verkiezingsonderwerpen.” Sjoch ek Theo Klein, ‘Een ‘lottocratie’ kan de democratie misschien redden’, Friesch Dagblad, 15 april 2016, 23.

Foaropwurd 2.7

Fers2, 3 april 2016

Kultuerferlies V: Frysk en Frij

image
It modernistyske totaalkeunstwurk #1 It unifoarme Europeeske stêd-museum

De plot [fan in trageedzje] moat sa strukturearre wêze dat (...) dejinge dy’t it ferhaal fertellen heart fan besauwing trillet en raant fan begrutsjen om wat bart: dat is wat immen ûnderfine soe as er de plot fan de Oidipûs heart,” sei Aristoteles yn 350 foar Kristus.Aristoteles, Poëtika, Haadstik 14. Oersetting EN-FY op basis fan S.H. Butcher, The poetics, 1902. Op sa’n trageedzje moast Fryslân 2347 jier lang wachtsje. Tiid genôch om de swakke ploteleminten derút te heljen. Want wêrom soe Oidipûs de wiersizzer Tiresias eins leauwe? Hy hat him ommers krekt de gek oanstutsen om syn blinens. Tiresias byt dan lilk werom: “Ur moms a hoe.” Dat serieus nimme as mislediging giet al fier. Yn de Fryske ferzje is alles wol oannimlik, want it is wier bard; de Fryske trageedzje is dêrom stikken better as de Oidipûs. Binnen in jier wie de Fryske trageedzje dan ek yn de dôfpot ferdwûn. Djip yn Tresoar lûkt it materiaal him werom yn ferjitnis. Mar lit ús wat fragminten fertelle. Wy begjinne by de lusis, de fallende aksje, de peripety. Jo werkenne dizze tragyske fase oan de al hast folsleine disyntegraasje fan de persoanlikheid dy’t net kieze kin tusken tusken de regels en syn langstme.

Der wie ris… in plan om de Fryske taal te befoarderjen troch foar trije ton it jier Fryske siden yn in Nederlânsktalich blêd te triuwen, dy’t de lêzers derút skuorre koene as se net fan Frysk holden.

De stichting Milieuplatform Leeuwarden, dy’t it klisjee ‘Skande fan it papier!’ oars foar op ’e tonge lei, reagearre krekt in jier letter,‘Friese maandkrant slecht voor milieu’, Leeuwarder Courant, 9 novimber 1998, 9. In jier letter is de situaasje noch nuverder wurden. It provinsjaal bestjoer is ein 1998 fan doel om ƒ 500.000 te besteegjen oan in foar it grutste part Frysktalich hús­oan­húskrantsje dat alle moannen fergees yn de 240.000 Fryske brievebussen komt. Stichting Milieuplatform Leeuwarden fynt dat dat in ûnnedige hoemannichtige ekstra papier yn omrin bringt en freget de steateleden om foar de promoasje fan de Fryske taal fan besteande blêden gebrûk te meitsjen. om’t se it net leauwe koene. Mar it wie sa. Yn novimber 1997, amper in wike nei’t in Benefytmanifestaasje fan it folslein Frysktalige moanneblêd Frysk en Frij it maatskiplik belang fan in Frysk sjoernalistyk medium sjen litten hat, lansearje de provinsjale steatefraksjes fan GrienLinks en CDA harren ‘katernplan’. Om de útwreiding fan de Fryske taal foarút te helpen wolle se dat de provinsje sawat ƒ 300.000 subsydzje stekt yn in Frysk katern yn it Nederlânsktalige moanneblêd Friesland Post.‘Plan voor Fries katern tijdschrift’, Leeuwarder Courant, 3 novimber 1997, 1. De ƒ 300.000 foar it fuortsmytkatern gie nei de Afûk (direkteur Koen Eekma). It CDA hat earder dat jier stimd tsjin it takennen fan ƒ 125.000 oan Frysk en Frij. Mear as it dûbele dêrfan foar Friesland Post ûnderbout de fraksje mei it hegere abonnemintetal fan dat Nederlânsktalige blêd en mei de ferwachting dat Fryske taalbefoardering yn in Nederlânsktalich blêd effektiver is as yn in Frysktalich blêd.‘Plan: Fries katern in blad Friesland Post’, Leeuwarder Courant, 3 novimber 1997, 9. It tal abonnees fan Friesland Post wie de jierren derfoar gâns sakke, fan 9000 nei yn de buert fan it ledetal fan Frysk en Frij dat sa’n 3500 wie,‘Aan de lezer van dit blad’, Frysk en Frij -­ Fuortsmytkatern, desimber 1997, 1. It getal 3500 is út persoanlik petear mei âldredakteur Frysk en Frij Goasse Brouwer, 21 maart 2016. Yn maaie 1994 hâldt Pieter de Groot it op 5000 beteljende abonnees, Pieter de Groot, ‘De lektuerhal op ierde,’ Leeuwarder Courant, 6 maaie 1994, 24. mar CDA-steatelid Frans Kuipers is net bang dat it Frysktalige katern de Friesland Post-lêzers fuortjeie sil want “It is in kadootsje dat se derby krije. Se kinne it der úthelje en fuortsmite.”‘Plan: Fries katern in blad Friesland Post’, Leeuwarder Courant, 3 novimber 1997, 9.

It gie fierder. Noch in jier lang sille de partijen inoar de eare gunne dat se Frysk en Frij de nekke omdraaid ha.Sjoch bygelyks Hannah Ludwig, ‘PvdA consistent op bres voor Frysk blêd’, Leeuwarder Courant, 21 desimber 1998, 7; Piet de Jager, ‘CDA fiert doelmjittige Fryske taalpolityk’, Leeuwarder Courant, 30 desimber 1998, 5. Frysk en Frij, in namme dy’t in radikaal folksfront foar autonomy net misstean soe, wie neat mear, mar ek net minder, as in fuortsetting fan it famyljeblêd Sljucht en Rjucht. Brede, algemien oriïntearre, net op in selekt publyksskift rjochte en net oan in mienskip, selskip of ynstitút bûne tydskriften hiene yn Fryslân nea de noarm west; Frysk en Frij wie ab-normaal. Boppedat wie Frysk en Frij aktueel, ûndersykjend, sjoernalistyk fan folle hegere kwaliteit as Omrop Frylân, net sinnich oangeande de politike kleur fan de bydragen, “fol sosjaal gefoel, waarmte en moederaasje. En humor! (...) Sawol it wikseljende fertelperspektyf (...) as de meinimmend-lange sinnen binne fan in ûn-Fryske (...) alluere.”Sietske Poepjes, Taspraak útrikking Gysbert Japicxpriis, Boalsert 10 oktober 2015 <http://www.fryslan.frl/15557/gysbert-japicxpriis-2015-voor-e-bookroman/> [krigen 31 maart 2015]. Oars as dat Poepjes seit komme dizze wurden net út it advysrapport foar de Gysbert Japicxpriis; Poepjes hat it oardiel “ûnfrysk” sels betocht. Sjoch sjueryrapport Gysbert Japicxpriis 2015 <http://www.sirkwy.nl/cms/FCKeditor/cstmFiles/wwwsirkwynl/pdf5_ynh_alg-nei-21-4-2013/gj_2015_advysrapport_frysk_definityf.pdf> [krigen 31 maart 2016]. Tweintich jier foar dy fameuze opmerking fan deputearre fan kultuer Sietske Poepjes wie har foargonger Johanneke Liemburg al oer de net-provinsjale kwaliteit stroffele. Nije Frysklêzers moasten lutsen wurde mei leechdrompelige teksten, miende hja, dus moast de provinsje dat ûnderstypje en net Frysk en Frij.De deputearre wol 42 siden it jier mei taalfuortsterkjende ynformaasje (ynstjoerd troch ferskate Fryske kulturele ynstellingen) dy’t benammen “smaaklik, luchtich en mei in soad yllustraasjes oplevere wurde.” ‘GS willen iedere week in dagbladen Friese pagina’, Leeuwarder Courant, 15 novimber 1993, 9. Sjoch ek Trinus Riemersma, ‘Leechdrompelich – wat is dat (foar flauwekul)?’, Frysk en Frij - Fuortsmytkatern, desimber 1997, 13. Dat klonk oannimlik. Lykas Tiresias. Of in orakel. It fuortsmiten wie no logysk belied. Hoe kaam dat sa fier? Of, as wy de werklikheid as tekst yn Aristoteles’ tragedeedzje­perspektyf sette, wêrom wiene de provinsje­bestjoerders net by steat om te ûntsnappen, noch om te rasjonalisearjen?

Earst it rasjonalisearjen. Belied krijt net syn beslach yn in fakúum of samar op ien of oare manier, mar yn de kontekst fan wetten. Wat it taalbelied oanbelanget, want it fuortsmytplan is in taal-tool, wie der doe in Europeesk hânfêst en, tusken ryk en provinsje, in bestjoers­ôfspraak oer Fryske taal en kultuer. Mar Frysk en Frij waard út de pot wolwêzen betelle‘GS willen iedere week in dagbladen Friese pagina’, Leeuwarder Courant, 15 novimber 1993, 9.—der wie gjin wet.In hânfêst is de kodifikaasje fan in stikmannich prinsipes yn in tekst dy’t as referinsje en toetsstien tsjinnet foar de wetten, hannelingen en gedrachs­linen dy’t der op basearre en op ôfstimd wurde. In hânfêst fan de Europeeske Uny is dus gjin wet dy’t streekrjocht jildt foar de lidsteaten. In wet is in beslút fan de Steaten Generaal, mei oare wurden fan de ryksoerheid. De legere oerheden, Provinsjale Steaten en de gemeenten, hawwe dêrneist ek it rjocht om binende foarskriften út te feardigjen, mar binnen grûnwet en wet. Wat de ynternasjonale ferdraggen oanbelanget dy’t de Nederlânske steat ûndertekene hat, is de provinsje fia bestjoers­ôfspraken ferplichte om it brûken fan de Fryske taal fuort te sterkjen en de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk te garandearjen. Typearjend oan wetten is lykwols dat de minsken dy net kenne. Wa wit no wat fan de wetten dy’t it Frysk beskermje? In selekt ploechje pommeranten hâldt de wetten sekuer geheim om it folk nofliker bestjoere te kinnen, leit Kafka út yn ien fan syn Parabels dy’t net goed ôfrint. It folk betrout derop dat de wetten der binne, dat se der altyd west ha en him altyd beskerme ha, ommers hy is der noch, dus it liket him net nedich om de wetten te kennen. Guon meitsje der wurk fan de pommeranten te kennen. Mar faak, lykas yn it gefal fan Thom Mercuur, krekt as er dea is; foar dy tiid freegje wy ús leafst net tefolle ôf. Dêrom is de iennichste wet dy’t wy feitlik kenne de wet fan de pommeranten. Dy iene wet wolle wy net kwyt, seit Kafka; dat is de reden dat wy de pommeranten net ferstjitte.

Jawis, dat kin wêze. Mar in pommerant dy’t de wet geheim hâldt—op de wetten sels komme wy letter werom—is hiel wat oars as in pommerant dy’t geheim hâldt dat der net iens in wet is. Dat leaut Kafka net, hoe kin no geheim bliuwe dat it Fryske taal- en kultuerbelied fan kroechplannen, lobby deals en ad hoc-yngrepen oaninoar hong? Dat koe dochs, om’t nammentlik de deputearre fan kultuer, dy’t siet fan april 1987 oant april 1994, troud wie mei it haad fan de kultuerredaksje fan de Leeuwarder Courant (LC) en it houlik wie net fan it type Wadman-Goïnga, dêr’t it gedrach fan de oar yn it sintrum fan de literêre skepsis stie. Dit is gjin Praach, Kafka, dit is Fryslân. De LC-kultuerredakteur krijt hjir mear as in tredde side om omtinken te jaan oan it sympoasium Hûndert Jier Fryske Sjoernalistyk, in inisjatyf fan Frysk en Frij yn 1990, en seit dan:

Kom net oan mei it ferlechje dat der gjin jild, dat wol sizze, subsydzje genôch foar is. (...) jou it blêd trije jier om fan 5000 nei 10.000 en hooplik mear fêste lêzers te groeien. (...) It iennichste wat it besykjen fan sa’n ambisjeus ûndernimmen faaks yn ’e wei stiet, is de ûnbetroubere status fan de stifting Jacobus van Loon [de útjouwer fan Frysk en Frij], in klupke idealisten sûnder winst­eachmerk. Want idealisten binne de grutste bedriging foar in Fryske sjoernalistyk dy’t him yn alle frijheid ûntjaan wol. Under har bewâld hâldt Frysk en Frij de rook fan bewegersorgaan.Pieter de Groot, ‘It Jan poeps plak fan it krante-Frysk’, Leeuwarder Courant, 24 novimber 1990, 5. Sympoasium 'Hûndert jier Fryske sjoernalistyk' Ljouwert, sneon 24 novimber 1990, sjoch Frysk en Frij Jubileumnûmer 1995, 3.

Under it bewâld fan syn wiif woe it kultuer­departemint sa te sjen de rook fan no-nonsense hâlde. Mar it realisme rint al fêst op it tal fan 10.000 fêste lêzers en it winst­eachmerk fan Fryske sjoernalistyk. Twa dagen letter leit de LC út wat der foarfoel op it sympoasium. De diskusje oer it belang fan Fryske sjoernalistyk fersmelle him ta it gehalte Frysk yn de LC. “[Deputearre] Johanneke Liemburg wiisde derop, dat de LC ek konkurrearje moat mei de lanlike deiblêden. Se frege har ôf oft dejingen dy’t mear Frysk yn ’e LC ha wolle ek net fan de lanlike deiblêden easkje moatte dat se sa no en dan in Frysk stik pleatse.”‘Sympoasium oer Fryske kranten stie benammen stil by it ferline’, Leeuwarder Courant, 26 novimber 1990, 6. Dit is Fryslân. Net ien seit tsjin Liemburg fan, Tankewol deputearre mar geane jo mar wer sitten want wy hiene it oer wat oars. It docht der foar it belang fan Fryske sjoernalistyk ommers net ta oft Fryske kranten konkurrearje moatte mei net-Fryske. It belang fan Fryske sjoernalistyk is al befêstige, troch de Eurpeeske Uny dy’t it hânfêst opstelt, troch de provinsje yn it bestjoers­akkoart en troch Frysk en Frij mei syn hege tal abonnees.

By de Realpolitik dy’t de lakune, dêr’t in ambisjeuze en op empowerment rjochte taalwet wêze moast, kreas út sicht hold, hearde in ûndersyk nei efficiency. De niget oan research om beliedsbesluten te ynformearjen nimt ta neigeraden de sympaty mei idealen en krityske sjoernalistyk ôfnimt.“Al jierren docht deputearre Liemburg mei kultuer en finansjes ûnder har behear alle war om dat subsidiabel blêd de bekban oan te binen. Of leaver omhals te helpen.” D.A. Tamminga, ‘Absurde plannen’, Leeuwarder Courant, Te Gast, 1 desimber 1993, 27. Bliken die dat “foar it jild dat de provinsje besteegje kin [oan taal­befoardering] (...) gjin folwoeksen Frysktalich wykblêd mei te meitsjen is, [dus] wie it [de F-side] de iennichste kâns om in breed lêzers­publyk te ynteressearjen foar it Frysk.”‘‘F-side’ earst op proef foar lytse lêzersrûnte’, Leeuwarder Courant, 28 septimber 1994, 15. De Fryske side soe alle tiisdeis ferskine, útsein yn de fakânsjes, dus 42 siden it jier, yn LC en Friesch Dagblad, en is in publikaasje fan Utjouwerij Fryslân/Afûk, dy’t der twa ton subsydzje foar krijt; it giet om in eksperimint fan trije jier, fan 1 novimber 1994 ôf. Liemburg liet it ûndersyk dwaan troch âlddirekteur fan de Friese Pers (dus LC-direkteur) Harke van der Meer,‘‘F-side’ earst op proef foar lytse lêzersrûnte’, Leeuwarder Courant, 28 septimber 1994, 15. dy’t war dien hie in monopoalje te skeppen troch alle lytse media, en dêrûnder it moanneblêd De Strikel, op te keapjen.‘Harke van der Meer ferstoarn’, Omrop Fryslân, 25 maaie 2004 <http://www.omropfryslan.nl/nijs/harke-van-der-meer-ferstoarn> [krigen 31 maart 2016]. No’t de Friese Pers de F-side derby krige moast De Strikel opheft wurde, mar it probleem is fansels de belangeferfrisseling. Wêrom meitsje de steateleden en ynsprekkers by de presintaasje fan it F-side-plan mids novimber ’93 dan gjin beswier tsjin it ‘ûndersyk’? De reden lei, lykas alles dêr’t jo lang om sykje moatte, foar ús noas: it rapport wie geheim.Goasse Brouwer, ‘In absurd útstel foar befoardering fan it Frysk lêzen’, Leeuwarder Courant, Te Gast, 25 novimber 1993, 7. De boarger sil net iens witten ha dat it bestie. It wiere rasjonalisearjen, foarby de ad hominem offinsiven en net-strategyske sjarzjes, de grutte efterôf-rjochtfearding fan de die, kaam nea oan.

Dan de twadde opsje. Wêrom ûntsnappe se net oan it needlot? As tusken de groeiende kommersjali­searring en merkwurking, yn dy jierren dat Nederlân de wolfeart omearmke en de sint ôfskafte, en oan de oare kant de persepsje fan ûnûntkombere Europeeske yntegraasje en homogenisaasje,De Europeeske Uny hat doelberet gjin kultureel homogenisearringsdoel. Daniele Conversi, ‘Europe’s grand shift from cultural homogenization to multiculturalism’, yn: Richard McMahon (red.), Post-identity?: Culture and European integration (New York 2013) 143-160. gjin romte wie foar konsinsjeus, lit stean bewûnderens­weardich hanneljen, wêrom skoep it provinsje­bestjoer dan net syn eigen takomst?

Al binne de titel fan it drama, Oidipous Tyrannos, mei it feit dat Freud in kompleks nei him neamde gjin oanrekommandaasje, Oidipûs jout faaks in antwurd op dy fraach. Earst ha der foar’t it doek op giet al allerhanne eleminten fan ûnheil west, fan minne orakels yn Tebe oant berneleazens yn Korinte en in stream fan ophefte Frysktalige tydskriften, It Heitelân, de Tsjerne, Quatrebras, Frisica Nova, Asyl, Sonde, Alternatyf, Fryx en De Strikel, yn Fryslân. De ‘agent’ hat it gefoel dat er opsletten sit yn de omstannichheden. Hy kin der net út en reagearret mei wanhoop en agresje. De sosjale psychology neamt rasjonalisearringen lykas it optinken fan in geheim rapport nammentlik gjin geweldleaze ‘Fryske striid’,Wio Joustra, ‘Bij Friese strijd past geen geweld’, De Volkskrant, 27 septimber 2000 <http://www.volkskrant.nl/archief/-bij-friese-strijd-past-geen-geweld~a554250/> [krigen 31 maart 2016]. mar gewoan ynstrumintele agresje.Clark McCauley, ‘Psychological issues in understanding terrorism and the response to terrorism’, yn: Chris E. Stout (red.), Psychology of terrorism: Coping with the continuing threat (Westport, CT 2004) 33-65. De wanhoop blykt bygelyks út de ferdigening fan de F-side yn de LC, mei it argumint dat de tydskriften de drompel ta it Frysk heech hâlde wolle om de taal eksklusyf te hâlden,Pieter de Groot, ‘De lektuerhal op ierde’, Leeuwarder Courant, 6 maaie 1994, 24. “De aboneetallen fan tydskriften litte sjen dat de drompel heech is: 5000 beteljende abonnees foar Frysk en Frij, it blêd mei de leechste drompel, liket it maksimum.” wylst deselde skriuwer yn deselde krante in jier dêrfoar in artikel oanfallen hie dat krekt datselde argumint nei foarren brocht.Pieter de Groot, ‘De negers fan Fryslân’, Leeuwarder Courant, Dwers, 29 jannewaris 1993, 22. Krityk op in artikel fan Gerben Abma dat “sûnder in kromke bewiis [ôfweeft] mei Fryske skriuwers dy’t in Frysk brûke dat fier fan it folk ôf stiet.”

Twad giet it om in kening. De spanning tusken folksskriuwerij (jakkes) en skriuwe foar it folk (sine qua non) kenne se allinne út de beliedsstikken dy’t se nachts op bêd mei in glês Bulgaarske wyn derby trochblêdzje. Ek treft it hanneljen fan keningen inkeld in godlik oardiel, net in minsklik. It folk is net mear as it koar; dat leveret kommintaar op de aksje, fan kollektive, anonimisearre aard, dêr’t gjinien nei harket. De parse is net mear as—efkes tuskentroch: it Friesch Dagblad woe de F-side hielendal net, en net inkeld om’t it der finansjeel op efterút gie‘Oanbod Frysk en Frij foar kranteside ôfwiisd’, Leeuwarder Courant, 29 juny 1994, 11. Friesch Dagblad­haadredakteur Jansma wachtet noch op in útwurke útstel foar de ynhâld fan de F-side. “Ik wit noch altyd net wat der op komt te stean. Der wurdt ús ferwiten dat wy noch altyd net reagearre ha, mar is it no sa'n ûnreedlike fraach om earst in redaksjoneel profyl sjen te wollen? Wat hie no mear yn 'e reden lein as om ris meiinoar om ’ e tafel sitten te gean en de boel troch te praten? Ik fyn it ûnbegryplik dat wy noait wat sjoen ha, wylst it al sa lang spilet.” De begrutte ƒ 100.000 it jier foar ien advertinsje­side de krante, is ien ton foar 2x42 siden, 84 siden, is ƒ 1190 de side; advertinsje­prizen binne basearre op oplage (oftewol op 1000 berikte minsken) mar foar’t der konkurrinsje fan it ynternet wie lei ek yn regionale kranten de priis foar in advertinsje op 1/1 formaat maklik boppe de tûzen gûne. Lukratyf wie it ‘oanbod’ fan de provinsje dus net. Mar wissens fan ynkomsten ferfong ôfhinklikens fan wiffe advertearders.—net mear as in ploechje lestige lju mei in grutte bek dy’t mar net oan de kant gean wolle, al hoe’t de kening ek sjen lit dat er de baas is. Al lûkt er fan 1991 ôf de iene subsydzje nei de oare yn,‘Provincie steunt Frysk en Frij alleen bij wekelijkse verschijning’, Leeuwarder Courant, 6 juny1992, 17; Karin de Mik, ‘Moeilijke tijden voor maandblad Frysk en Frij’, NRC, 3 mei 1997 <http://www.nrc.nl/handelsblad/1997/05/03/moeilijke-tijden-voor-maandblad-frysk-en-frij-7352012> [krigen 31 maart 2016]. se stean der noch altyd nijsgjirrich om har hinne te sjen. Op it lêst is de kening sa faksearre, dan jout er se in reis, in hurdenien. En dan binne se dea.

Oer fjirtjin dagen mear oer de wet fan de pommeranten!

Noaten

  1. Aristoteles, Poëtika, Haadstik 14. Oersetting EN-FY op basis fan S.H. Butcher, The poetics, 1902.
  2. ‘Friese maandkrant slecht voor milieu’, Leeuwarder Courant, 9 novimber 1998, 9. In jier letter is de situaasje noch nuverder wurden. It provinsjaal bestjoer is ein 1998 fan doel om ƒ 500.000 te besteegjen oan in foar it grutste part Frysktalich hús­oan­húskrantsje dat alle moannen fergees yn de 240.000 Fryske brievebussen komt. Stichting Milieuplatform Leeuwarden fynt dat dat in ûnnedige hoemannichtige ekstra papier yn omrin bringt en freget de steateleden om foar de promoasje fan de Fryske taal fan besteande blêden gebrûk te meitsjen.
  3. ‘Plan voor Fries katern tijdschrift’, Leeuwarder Courant, 3 novimber 1997, 1. De ƒ 300.000 foar it fuortsmytkatern gie nei de Afûk (direkteur Koen Eekma).
  4. ‘Plan: Fries katern in blad Friesland Post’, Leeuwarder Courant, 3 novimber 1997, 9.
  5. ‘Aan de lezer van dit blad’, Frysk en Frij -­ Fuortsmytkatern, desimber 1997, 1. It getal 3500 is út persoanlik petear mei âldredakteur Frysk en Frij Goasse Brouwer, 21 maart 2016. Yn maaie 1994 hâldt Pieter de Groot it op 5000 beteljende abonnees, Pieter de Groot, ‘De lektuerhal op ierde,’ Leeuwarder Courant, 6 maaie 1994, 24.
  6. ‘Plan: Fries katern in blad Friesland Post’, Leeuwarder Courant, 3 novimber 1997, 9.
  7. Sjoch bygelyks Hannah Ludwig, ‘PvdA consistent op bres voor Frysk blêd’, Leeuwarder Courant, 21 desimber 1998, 7; Piet de Jager, ‘CDA fiert doelmjittige Fryske taalpolityk’, Leeuwarder Courant, 30 desimber 1998, 5.
  8. Sietske Poepjes, Taspraak útrikking Gysbert Japicxpriis, Boalsert 10 oktober 2015 <http://www.fryslan.frl/15557/gysbert-japicxpriis-2015-voor-e-bookroman/> [krigen 31 maart 2015]. Oars as dat Poepjes seit komme dizze wurden net út it advysrapport foar de Gysbert Japicxpriis; Poepjes hat it oardiel “ûnfrysk” sels betocht. Sjoch sjueryrapport Gysbert Japicxpriis 2015 <http://www.sirkwy.nl/cms/FCKeditor/cstmFiles/wwwsirkwynl/pdf5_ynh_alg-nei-21-4-2013/gj_2015_advysrapport_frysk_definityf.pdf> [krigen 31 maart 2016].
  9. De deputearre wol 42 siden it jier mei taalfuortsterkjende ynformaasje (ynstjoerd troch ferskate Fryske kulturele ynstellingen) dy’t benammen “smaaklik, luchtich en mei in soad yllustraasjes oplevere wurde.” ‘GS willen iedere week in dagbladen Friese pagina’, Leeuwarder Courant, 15 novimber 1993, 9. Sjoch ek Trinus Riemersma, ‘Leechdrompelich – wat is dat (foar flauwekul)?’, Frysk en Frij - Fuortsmytkatern, desimber 1997, 13.
  10. ‘GS willen iedere week in dagbladen Friese pagina’, Leeuwarder Courant, 15 novimber 1993, 9.
  11. In hânfêst is de kodifikaasje fan in stikmannich prinsipes yn in tekst dy’t as referinsje en toetsstien tsjinnet foar de wetten, hannelingen en gedrachs­linen dy’t der op basearre en op ôfstimd wurde. In hânfêst fan de Europeeske Uny is dus gjin wet dy’t streekrjocht jildt foar de lidsteaten. In wet is in beslút fan de Steaten Generaal, mei oare wurden fan de ryksoerheid. De legere oerheden, Provinsjale Steaten en de gemeenten, hawwe dêrneist ek it rjocht om binende foarskriften út te feardigjen, mar binnen grûnwet en wet. Wat de ynternasjonale ferdraggen oanbelanget dy’t de Nederlânske steat ûndertekene hat, is de provinsje fia bestjoers­ôfspraken ferplichte om it brûken fan de Fryske taal fuort te sterkjen en de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk te garandearjen.
  12. Pieter de Groot, ‘It Jan poeps plak fan it krante-Frysk’, Leeuwarder Courant, 24 novimber 1990, 5. Sympoasium 'Hûndert jier Fryske sjoernalistyk' Ljouwert, sneon 24 novimber 1990, sjoch Frysk en Frij Jubileumnûmer 1995, 3.
  13. ‘Sympoasium oer Fryske kranten stie benammen stil by it ferline’, Leeuwarder Courant, 26 novimber 1990, 6.
  14. “Al jierren docht deputearre Liemburg mei kultuer en finansjes ûnder har behear alle war om dat subsidiabel blêd de bekban oan te binen. Of leaver omhals te helpen.” D.A. Tamminga, ‘Absurde plannen’, Leeuwarder Courant, Te Gast, 1 desimber 1993, 27.
  15. ‘‘F-side’ earst op proef foar lytse lêzersrûnte’, Leeuwarder Courant, 28 septimber 1994, 15. De Fryske side soe alle tiisdeis ferskine, útsein yn de fakânsjes, dus 42 siden it jier, yn LC en Friesch Dagblad, en is in publikaasje fan Utjouwerij Fryslân/Afûk, dy’t der twa ton subsydzje foar krijt; it giet om in eksperimint fan trije jier, fan 1 novimber 1994 ôf.
  16. ‘‘F-side’ earst op proef foar lytse lêzersrûnte’, Leeuwarder Courant, 28 septimber 1994, 15.
  17. ‘Harke van der Meer ferstoarn’, Omrop Fryslân, 25 maaie 2004 <http://www.omropfryslan.nl/nijs/harke-van-der-meer-ferstoarn> [krigen 31 maart 2016].
  18. Goasse Brouwer, ‘In absurd útstel foar befoardering fan it Frysk lêzen’, Leeuwarder Courant, Te Gast, 25 novimber 1993, 7.
  19. De Europeeske Uny hat doelberet gjin kultureel homogenisearringsdoel. Daniele Conversi, ‘Europe’s grand shift from cultural homogenization to multiculturalism’, yn: Richard McMahon (red.), Post-identity?: Culture and European integration (New York 2013) 143-160.
  20. Wio Joustra, ‘Bij Friese strijd past geen geweld’, De Volkskrant, 27 septimber 2000 <http://www.volkskrant.nl/archief/-bij-friese-strijd-past-geen-geweld~a554250/> [krigen 31 maart 2016].
  21. Clark McCauley, ‘Psychological issues in understanding terrorism and the response to terrorism’, yn: Chris E. Stout (red.), Psychology of terrorism: Coping with the continuing threat (Westport, CT 2004) 33-65.
  22. Pieter de Groot, ‘De lektuerhal op ierde’, Leeuwarder Courant, 6 maaie 1994, 24. “De aboneetallen fan tydskriften litte sjen dat de drompel heech is: 5000 beteljende abonnees foar Frysk en Frij, it blêd mei de leechste drompel, liket it maksimum.”
  23. Pieter de Groot, ‘De negers fan Fryslân’, Leeuwarder Courant, Dwers, 29 jannewaris 1993, 22. Krityk op in artikel fan Gerben Abma dat “sûnder in kromke bewiis [ôfweeft] mei Fryske skriuwers dy’t in Frysk brûke dat fier fan it folk ôf stiet.”
  24. ‘Oanbod Frysk en Frij foar kranteside ôfwiisd’, Leeuwarder Courant, 29 juny 1994, 11. Friesch Dagblad­haadredakteur Jansma wachtet noch op in útwurke útstel foar de ynhâld fan de F-side. “Ik wit noch altyd net wat der op komt te stean. Der wurdt ús ferwiten dat wy noch altyd net reagearre ha, mar is it no sa'n ûnreedlike fraach om earst in redaksjoneel profyl sjen te wollen? Wat hie no mear yn 'e reden lein as om ris meiinoar om ’ e tafel sitten te gean en de boel troch te praten? Ik fyn it ûnbegryplik dat wy noait wat sjoen ha, wylst it al sa lang spilet.” De begrutte ƒ 100.000 it jier foar ien advertinsjeside de krante, is ien ton foar 2x42 siden, 84 siden, is ƒ 1190 de side; advertinsje­prizen binne basearre op oplage (oftewol op 1000 berikte minsken) mar foar’t der konkurrinsje fan it ynternet wie lei ek yn regionale kranten de priis foar in advertinsje op 1/1 formaat maklik boppe de tûzen gûne. Lukratyf wie it ‘oanbod’ fan de provinsje dus net. Mar wissens fan ynkomsten ferfong ôfhinklikens fan wiffe advertearders.
  25. ‘Provincie steunt Frysk en Frij alleen bij wekelijkse verschijning’, Leeuwarder Courant, 6 juny1992, 17; Karin de Mik, ‘Moeilijke tijden voor maandblad Frysk en Frij’, NRC, 3 mei 1997 <http://www.nrc.nl/handelsblad/1997/05/03/moeilijke-tijden-voor-maandblad-frysk-en-frij-7352012> [krigen 31 maart 2016].

Foaropwurd 2.6

Fers2, 20 maart 2016

Kultuerferlies IV: It fallyt fan Fryslân

of, Wêrom’t it ekonomisme ús befrijde en skriuwen net in frije aksje is

image Azalea

Azalea, blom fan de naasje: gewoan yn de finsterbank.

Eardere berjochten, dat de blom yn België wêze soe, berêsten op in steuring yn de azaleamigraasjetechnology.

Ekonomisten soene minsken weze dy’t it net litte kinne in snor te tekenjen op in plaatsje fan Marx. Grapke, ja, mar dat út de grappen dy’t oer de faklju gean de robústens fan in berop ôf te lieden is, is net ûnfoarstelber. Fansels fine wy it skriuwerskip folwoeksener, better fundearre yn maatskiplike struktueren en benammen sexier as alle oare beroppen. In grap oer skriuwers is: “I was sorry to hear my name mentioned as one of the great authors, because they have a sad habit of dying off. Chaucer is dead, so is Milton, so is Shakespeare, and I am not feeling very well myself.”Mark Twain, ‘Dinner Speech’, Savage Club dinner foar Mark Twain, Londen, 9 juny 1899, yn: Mark Twain speaking (Iowa City, IA 1976) 321-322, 321. Dat is Mark Twain, auteur en stand-up comedian avant la lettre, komiser is der hast net en dochs falt it in bytsje ôf. Yn in oare ekonomismegrap sitte twa ekonomisten yn in nudistekoloanje. De iene seit: “Hasto soms Marx lêzen?” De oare anderet: “It komt fan de reidstuollen.” Beskôgje it ekonomisme dus mar as in serieuze profesje.

Wêr kamen de ekonomisten wei? De fraach nei wêr’t eat wei komt is in skiedkundige fraach fan it meast populêre type yn Fryslân. Ommers skeppingsferhalen binne wichtich foar business. Bygelyks is it fan belang dat kompjûterbedriuwen yn in garaazje begjinne. Hewlett-Packard, Google en Apple diene dat.Matthew Stibbe, ‘The importance of history: what’s your origin story?’, Articulate, 19 jannewaris 2011 <http://www.articulatemarketing.com/the-importance-of-history-whats-your-origin-story> [krigen 8 maart 2016]. De Fryske business, ek wol kultuer neamd, komt by de Friezen wei. Dat kin net oars. Dat dedusearje wy út de teory dat in etnyske kultuer syn eigen, idiosynkratyske oarsprong hatAs it oan de wittenskippers leit is kultuer net gau oerdroegen: “Transmission of culture will never replace creation in the historian’s romantic heart.” Anthony Grafton, ‘Introduction: Notes from underground on cultural transmission’, yn: Anthony Grafton en Ann Blair (red.), The transmission of culture in early modern Europe (Philadelphia 1990) 1-7, 4. Sjoch ek Anthony Grafton, ‘Invention of traditions and traditions of invention in Renaissance Europe: The strange case of Annius Viterbo’, The transmission of culture, 8-38; en Lisa Jardine, ‘Inventing Rudolph Agricola: Cultural transmission, Renaissance dialectic, and the emerging humanities’, The transmission of culture, 39-86. en befêstigje wy mei hieltyd mear rekonstruksjes dy’t jilde as bewiis.‘Ekstern’ bewiis foar etnysk-kulturele identiteit komt út de hermeneutyk fan âlde literêre boarnen en ‘yntern’ bewiis út linguistyske en geografyske rekonstruksjes en osteologyske en archeologyske analyse. Yn alle wittenskiplike dissiplines is de relaasje mei in nasjonalistyske polityk kompleks. Foar de fûnemintele metodologyske en teoretyske problemen by de archeology fan etnisiteit, sjoch Siân Jones, The archeology of ethnicity: Constructing identities in the past and the present (Londen / New York 1997) 128-131. Sadwaande kin it ek net oars as dat der Friezen binne. Want it skriuwen fan skiednis is basearre op in teleologysk fûnemint. De histoaryske beskriuwing hat in doel & praktyske funksje, nammentlik de rjochtfeardiging fan Silicon Valley, of yn ús gefal fan Fryslân. De Fryske skiedskriuwing giet út fan it idee fan it doel fan de skiednis, nammentlik dat de skiednis ús útkomme lit dêr’t wy no binne.‘Fekânsjeleargong 1939’, Leeuwarder Courant, 2 augustus 1939, 4, ferslach lêzing fan Jan Piebenga, ‘De stúdzje fen de Fryske skriftekennisse, hwet der dien is, hwet der yet barre moat’, op de fakânsjeleargong fan de Provinsjale Underwiisrie, earste dei: “De mannen fan 1844 binne gjin feilichstelling of tiidberdriuw brek (...), mar by harren komt der for it earst hwet totalitairs nei foaren; it ferline hat net mear in doel yn himsels, mar it wirdt ûnkearbere driuw nei de takomst.” Dêr kinne wy net oan ûntsnappe. KH2018, taalferearmoeding en kultuerferlies binne it doel fan ús skiednis.

De ekonomisten komme by Karl Marx wei. Mar wa’t prottelet dat it snortekenjen fan de hjoeddeiske ekonomisten, as omgean mei harren daddy issues, effektyf noch kreatyf is, mist it puntDêrneist is it omkearde wierskynliker: de krityk op ekonomisme, teleology en historyske ûnûntkomberens, oftewol de historiografyske krityk, dy’t bygelyks de historyske logika fan it globalisearringsdikoers ûnderút hellet, kin syn boarne fine yn de marxistyske en postmarxistyske tradysje. Sjoch Cornelius Castoriadis, ‘Marxism and revolutionary theory’ [1964-1965], yn: idem, The imaginary institution of society (Cambridge, MA 1998) 9-164. (plus, jo wolle net witte wat de Fryske skiedkundigen op Wumkes tekenje). Wa’t opmerkt dat marxistyske skiedskriuwers like yneffektyf en ûnkreatyf binne om’t se de skuld fan alles jouwe oan de petit bourgeoisie,De marxistyske teory sjocht nasjonale identiteit as in foarm fan bourgeois falsk bewustwêzen. Dat makke yn de sosjology it nasjonalisme in lestige saak; Benedict Anderson (1991) en Eric Hobsbawm & Terence Ranger (1992) nimme it marxistyske stânpunt oer. Op itselde stuit as dat Anderson it nasjonalisme omskriuwt as leechhertigens fan de hearskjende klasse, wiist lykwols Tom Nairn—dy’t beslist net minder read is as it taske fan Salverda—de lykstelling fan nasjonalisme mei boargerlik falsk bewustwêzen ôf en leit de klam op de subjektive aspekten fan nasjonale identiteit, i.e. “inherited ethos, speech, folklore, skin-color, and so on.” Tom Nairn, ‘The modern Janus’, New Left Review 1:94 (1975) 11. Op basis fan Nairn kin de oarsprong fan de Fryske identiteit ûnmooglik lokalisearre wurde yn de opkommende Fryske lytse boargerij, mar wol yn wa dan ek dy’t ree wie om foar syn taal en erfskip it klassekonflikt del te lizzen en it kapitalisme—somtiden sels it amper maskearre Tredde Rykkapitalisme—te omearmkjen as de wrâldnoarm. giet oan de saak foarby. Wa’t betinkt dat yn Marx’ teleologyske opfetting fan realiteit ferksynsels domwei ûntstean om har doel yn in grutter ûntwerp, fettet de kearn net. De kwestje is: foar ekonomisten is it ekonomisme needsaaklik.M. Douglas Meeks, God the economist: The doctrine of God and political economy (Minneapolis, MN 1989) 162 et passim. It ekonomisme bestie dêrom noch net of it bemuoide him mei keunst, ek al is keunst in anomaly yn it klassike marxisme. Marx koe der net mei omgean, keunst wie foar him superstruktuer en tsjinne it kapitalistyske oerhearskjen. Op dy beheinde fisy fan keunstners as parasiten kaam krityk fan yn ’t foarste plak Trotsky, Benjamin, Adorno en Kracauer. Fan dy fjouwer stoar allinnich de lêste, Siegfried Kracauer, in net-gewelddiedige dea. Theodor Adorno gie dea in pear moanne nei it bleate boarsteynsidint, wit immen dat noch?‘Das Busenattentat’, 22 april 1969, sjoch Lorenz Jäger, Adorno: A political biography, oers. Stewart Spencer (New Haven, CT 2004) 207-8; Stefan Müller-Doohm, Adorno: A biography (Malden, MA 2005) 475.

Fryslân kende gjin fatale boarsten. Mar de 40-45-sympatyen fan de âld-Jongfriezen wiene lang net sa nommel as jo ferwachtsje soene op grûn fan de yntinsive konfrontaasje mei har fier boppe de folkskultuer ferheven Mienskipskeunst. It liberale, elitêre doel fan kultuer, beskaving fan de minskheid, waard dúdlik net helle. Dat morele doel koe ek ûnmooglik helle wurde, want wêr soe kultuer in moralisearjende funksje wei helje moatte?Leo Lowenthal, Literature and mass culture. Communication in society 1 (New Brunswick / Londen 1984) 47-50. Mar dy krityk waard ynhelle troch dy fan Tolstoj, Morris en besibbe etisy. Yndividuele ferheffing soe egoïstysk en lef wêze; de hiele naasje moast ferlost wurde troch keunst. Foar dy taak fan ferlossing moast keunst populêr en demokratysk wêze.Jacques Barzun, The use and abuse of art (Princeton 1974) 84-96. De taak fan de demokrasy op it mêd fan de keunst wie (en is) om de wrâld te rêden fan elitisme, dat wol sizze, om in a priori kulturele stratifikaasje—low vs. high art—op basis fan ras, jild en sosjale posysje, op te heffen. Dat wat keunst populêr makket is úteinlik de fertolking fan útsûnderlike feardichheid en in konsintrearre fisy.Robert Hughes, Culture of complaint: A passionate look into the ailing heart of America (New York 1993) 202. Underwiis is in wichtige, miskien de wichtichste betingst foar demokrasy. Mar it keunstûnderwiis, ynstee fan de tagong ta keunst te demokratisearjen, dus de gelegenheid om fan keunst te genietsjen en der wat fan ôf te witten, popularisearre de keunst sels.Constance Bumgarner Gee, ‘Spirit, mind and body: Arts edcucation the redeemer’, yn: Elliot W. Eisner, Michael D. Day (red), Handbook of research and policy in art education (Mahwah, NJ 2004) 115-134, 131-133. Gee hâldt út dat kwaliteits­keunstûnderwiis keunst net demokratisearje moat, mar de minsken wat leare oer keunst: “Such [quality art] teaching may not produce better, more tolerant, mentally and physically in-tune people who do well on standardized tests; but if the education is sound, people will end up knowing more about art. In all truth, that is the most that can be promised and delivered.” (132) Op ferlykbere wize makket de Fryske meartaligens­polityk it ûnderwiis yn mear talen populêr troch allerhande positive sosjaal­emosjonele, fysike en kognitive effekten fan meartaligens te beloovjen, mar it ûnderwiis lit de bern efter sûnder kennis fan de Fryske taal. Ek yn Fryslân hat kultuer­edukaasje ferskate doelen, mar net it doel fan kennis fan keunst. “De minister was blij dat veel Kamerleden het belang van cultuur­educatie zien. ‘(...) Ik kan dit belang niet genoeg benadrukken. Niet voor niets zet ik daar maximaal op in (...). Het is van groot belang voor de persoonlijke ontwikkeling en de economie van de toekomst. De veel­genoemde 21st century skills, zoals creativiteit en kritisch denken, worden bij uitstek meegegeven door cultuur­onderwijs.’” ‘Bussemaker: ‘Blijf maximaal inzetten op cultuur­educatie’’, Landelijk Kennis­instituut Cultuur­educatie en Amateurkunst (LKCA), 16 jannewaris 2015 <http://www.lkca.nl/nieuws/nieuwsoverzicht/cultuurdebat-15-januari-2015> [krigen 8 maart 2016]. Ek hjir is krityk op it feit dat it learen oer keunst út de kultuur­edukaasje fallen is, sjoch Frank van der Hulst, ‘De kunst verdwijnt uit de cultuur­educatie en dat is de dood in de pot’, LKCA, 20 jannewaris 2016 <http://www.lkca.nl/cultureel-kapitaal/opinie-frank-van-der-hulst> [krigen 8 maart 2016].

Wilens gie de festivalisearring fan de keunst hiel hurd. Yn 1900 koe hast noch gjin minske foarsjen hoe’t kritisy en produsinten tritich jier letter in ûnderskied meitsje soene tusken ‘lotter ferdivedaasje’ en ‘keunst’. Dy kulturele transformaasje resultearre yn de Amerikaanske maatskiplike kontekst noch foar 1940 yn in ynteraktyf proses tusken ideology en organisaasje, mei sa’n faasje dat de herfoarmers har estetyske teoryen krekt snapten as se dy ymplemintearren.Paul J DiMaggio, Cultural boundaries and structural change: How art joined entertainment on the American stage, NAAPPD report (Washinton, DC 1989) 3. Mar yn de jierren santich begûnen minsken earder minder as mear nei útfieringen, útstallingen, bibleteken en boekhannels te gean. Keunst & kultuerorganisaasjes en advysburo’s seagen om dy reden hieltyd mear nei festivals, om de kultuer by it publyk te bringen ynstee fan dat it publyk fan kultuer genietsje moat op dêrfoar oanwiisde plakken. It holp. It ekonomysk effekt fan muzykfestivals yn it Feriene Keninkryk yn 2014 wie 3,1 miljard pûn.UK Music, Wish you were here 2015: Music tourism’s contribution to the UK economy <http://www.ukmusic.org/assets/general/WYWH_2015Report.pdf> [krigen 8 maart 2016]. “Now we’re talking business,” om The godfather mar ris te sitearjen. Wêrom soene wy oer kultuer, of slimmer noch, beskaving, prate as wy it gewoan oer taastbere saken hawwe kinne?

Guy Debord wiist it hyperkapitalisme fan de postmoderne wrâld oan as de boarne fan de festivalisearring.Evinç Doğan, ‘City as spectacle: The festivalization of culture in Istanbul’, yn: Mensur Akgün en Lenka Pet'ková, Young minds rethinking the mediterranean (Istanbul 2011) 69-93. De fragen ‘wa syn kultuer?’, ‘wa syn stêd?’ en ‘waans festival is it feitlik?’—retoryk dy’t altyd brûkt wurdt om in kulturele haadstêd, of wat foar sirkus mei lotter ekonomysk doel ek, te ferdigenjen—binne besitsfragen; se binne in reïfikaasje fan de noeden om ús kultuer. Reïfikaasje is it redusearjen fan it ûndefiniearbere sosjale ferskynsel keunst, dat it dwaan moat sûnder ienstimmigens oer syn yntrinsike, satisfaksje- of nuttigenswearde en oant no ta ek sûnder bewiis foar syn kultureel kapitaal, ta syn ruilwearde dy’t it mei wissens hat, as commodity, fetish,Martin Irvine, ‘Introduction to the economics of art and the art market’ (2004-2009) <http://faculty.georgetown.edu/irvinem/visualarts/ArtMarket/ArtMarketEconomics.html> [krigen 29 febrewaris 2016]. of Frysktalich boek, en dat is de kearn fan ekonomysk reduksjonisme.

Ek wol ekonomisme neamd is dat in politike teory dy’t ekonomyske doelen as de iennichste of alderwichtichste doelen sjocht en dêrom oare sosjale faktoaren ûnder de tafel skoot of werombringt ta simpele ekonomyske termen. In gefolch fan de reduksje fan alle sosjale feiten ta ekonomyske diminsjes, yn in ramt dêr’t inkeld fraach en oanbod telle, is dat der gjin plak is foar nasjonalisme. Sadree’t dat in minder frijwillige foarm krijt as it iepen boargerlik nasjonalisme, wat by ús al sa wie mei it ynboargeringseksamen fan 1515 (de bûterbrea&grienetsiistest),Ben Thompson en Manny Vega, ‘Pier Gerlofs Donia’, Badass of the Week, 2012 <http://www.badassoftheweek.com/bigpier.html> [krigen 29 febrewaris 2016]. is dat in goed ding. Ek is yn it ekonomisme kultuer in non-issue en meiminsklikens hielendal; asylsikers ferheegje de druk op ús hierwentemerk,De VVD woe gjin ekstra wenten bouwe. Erik van der Walle, ‘Blok onderzoekt intrekken voorrang asielzoekers bij sociale woningen’, NRC, 8 oktober 2015 <http://www.nrc.nl/nieuws/2015/10/08/blok-onderzoekt-intrekken-voorrang-asielzoekers-bij-sociale-woningen?> [krigen 29 febrewaris 2016]. makket net út hokker taal se prate, dat de Fryske Nasjonale Partij rjochtet him no minder op it Frysk.‘Voorzitter FNP wil partijvernieuwing’, Leeuwarder Courant, 5 jannewaris 2016, 2.

Beskiedend is dat it ekonomisme ymmún is foar krityk. It beswier tsjin Debords tige politykkrityske La société du spectacle is dat de oplossing dy’t er deryn útstelt, nammentlik dy fan it kollektive revolúsjonêre subjekt dat sels in frije maatskippij skept, itselde liberale yndividualisme ymplisearret as dêr’t Debord tsjin agearret om’t it minsken fan har wrâld ferfrjemdet; ek de kollektyf revolúsjonêre yndividu is abstrahearre fan de kulturele tradysjes en sosjale bannen dêr’t er yn woartelet.Richard Kaplan, ‘Between mass society and revolutionary praxis: The contradictions of Guy Debord’s Society of the Spectacle’, European Journal of Cultural Studies 15:4 (2012) 457-478. Debord kin net bûten it hearskjende yndividualistyske diskoers stappe, want dêrbûten is, no’t it spektakel hast wrâldwiid fansels is, neat. Lyksa kin de morele dialooch oer it ekonomisme inkeld fierd wurde binnen it akseptearre morele taalspul, om’t oars de arguminten net mear begryplik binne—en dat akseptearre taalspul is it ekonomistyske.Jürgen Habermas, Inclusion of the other: Studies in political theory, oers. MIT (Cambridge, MA 1998) 22; Ludwig Wittgenstein, Philosophical investigations, oers. G.E.M. Anscombe (Oxford, UK 1986) #86 (40) en #242 (88). Wittgenstein hold yn ’t earstoan (Tractatus, 1921) út dat etyk in saak wie dêr’t wy net—reedlik—oer prate kinne. Letter feroare er fan gedachten oer wat taal wie en koe en ferfong de dichotomy fan wat sein wurde koe en ûnsin troch ferskate útinoar rinnende ‘language-games’. Om begrepen wurde te kinnen (dat wol sizze, om logysk te wêzen yn wat jo sizze of dogge) kin de taal dy’t jo no brûke net radikaal ferskille fan eardere talen. It is yn dat ramt fan taalgebrûk dat de betsjutting fan in begryp fêststeld wurdt; der is gjin absolút referinsjepunt foar betsjuttingjaan. In mienskip fan taalsprekkers, of in subgroep dêrfan, stiet boarch foar de kontinuïteit fan betsjutting.

Op it mêd fan de taal, sjoen as aspekt fan kultuer, wurket it taalspul sa. Der binne twa konsepten fan de wearde fan taal. Yntrinsike wearde, dêr’t fan sein wurdt dat dy wichtich is, stiet foar ynstrumintele wearde oer, dat is de manier sa’t der altyd nei sjoen wurdt. It Frysktalich grutbringen fan de mei-inoar fjouwer rânestêdbern fan de Fers2-redaksje is foar twa bern ferdigene fan de ynstrumintele fisy út, dat it brûken fan in beskate taal weardefol is om’t it in middel is om weardefolle minsklike doelen te berikken. Yn de oare twa gefallen is útgien fan de fisy op taal as in saak fan yntrinsike wearde, dus it brûken fan in beskate taal is beskôge as weardefol op himsels en net om’t it oare wichtige doelen tichterby bringt. Hûndert persint fan de bern waard net yn it Frysk grutbrocht. Likegoed ferstean en lêze de yntrinsike-weardebern Frysk op konversaasjenivo en wat de aktive taalfeardigens oangiet behearskje se de essinsje: ‘omkoal’, ‘sûch’ en ‘bliksem!’ Mar no komt it. Nettsjinsteande dy hege korrelaasje tusken yntrinsike taalwearde en taalbehearskingCf. Catherine Frost, ‘Getting to yes: People, practices, and the paradox of multicultural democracy’, yn: David Laycock (red), Representation and democratic theory (Vancouver / Toronto 2004) 48-64, 51-52. De Ierske taal (sprekkers twa persint fan de befolking) hat gjin skea ûnderfûn fan de fermindere oerheidsstipe oan it ein fan foarrige ieu foar de deistige twataligens. Lykas yn Fryslân is der wol stipe foar taal as kultureel objekt. Mar oars as yn Fryslân hechtet yn Ierlân in wichtich part fan de befolking wearde oan de Ierske taal, sûnder dat winske wurdt dat dy taal ynfierd wurdt yn de publike ynstitúsjes. De memmetaal hat foar de befolking dus net de politike betsjutting dy’t it yn Fryslân hat. “The implication is that, even when a language has clear intrinsic value, this may not be an obstacle to a population acting as if language is an instrumental choice” (52). (mediearre troch de geunstige lokale taalstatus hjirre) ûnderbout Fers2 syn pleit foar Frysk ûnderwiis mei arguminten fan ynstrumintele wearde. It ferlet fan Frysk dêr’t wy op oanstean, ‘minsken moatte der wat oan hawwe’, is in maatskiplik ferlet—in ekonomyskenien. Dat dogge wy, nolens volens, om’t it begryplik is.

Mar as wy foar dizze beskriuwing fan it morele, yntellektuele en kulturele fallyt fan Fryslân, foarûnderstelle dat de taal om it barren mei te beskriuwen net wilens korrumpearre is, dan is dat in skjinne yllúzje.

Oer fjirtjin dagen mear oer it ferlies fan Frysk en Frij!

Noaten

  1. Mark Twain, ‘Dinner Speech’, Savage Club dinner foar Mark Twain, Londen, 9 juny 1899, yn: Mark Twain speaking (Iowa City, IA 1976) 321-322, 321.
  2. Matthew Stibbe, ‘The importance of history: what’s your origin story?’, Articulate, 19 jannewaris 2011 <http://www.articulatemarketing.com/the-importance-of-history-whats-your-origin-story> [krigen 8 maart 2016].
  3. As it oan de wittenskippers leit is kultuer net gau oerdroegen: “Transmission of culture will never replace creation in the historian’s romantic heart.” Anthony Grafton, ‘Introduction: Notes from underground on cultural transmission’, yn: Anthony Grafton en Ann Blair (red.), The transmission of culture in early modern Europe (Philadelphia 1990) 1-7, 4. Sjoch ek Anthony Grafton, ‘Invention of traditions and traditions of invention in Renaissance Europe: The strange case of Annius Viterbo’, The transmission of culture, 8-38; en Lisa Jardine, ‘Inventing Rudolph Agricola: Cultural transmission, Renaissance dialectic, and the emerging humanities’, The transmission of culture, 39-86.
  4. ‘Ekstern’ bewiis foar etnysk-kulturele identiteit komt út de hermeneutyk fan âlde literêre boarnen en ‘yntern’ bewiis út linguistyske en geografyske rekonstruksjes en osteologyske en archeologyske analyse. Yn alle wittenskiplike dissiplines is de relaasje mei in nasjonalistyske polityk kompleks. Foar de fûnemintele metodologyske en teoretyske problemen by de archeology fan etnisiteit, sjoch Siân Jones, The archeology of ethnicity: Constructing identities in the past and the present (Londen / New York 1997) 128-131.
  5. ‘Fekânsjeleargong 1939’, Leeuwarder Courant, 2 augustus 1939, 4, ferslach lêzing fan Jan Piebenga, ‘De stúdzje fen de Fryske skriftekennisse, hwet der dien is, hwet der yet barre moat’, op de fakânsjeleargong fan de Provinsjale Underwiisrie, earste dei: “De mannen fan 1844 binne gjin feilichstelling of tiidberdriuw brek (...), mar by harren komt der for it earst hwet totalitairs nei foaren; it ferline hat net mear in doel yn himsels, mar it wirdt ûnkearbere driuw nei de takomst.”
  6. Dêrneist is it omkearde wierskynliker: de krityk op ekonomisme, teleology en historyske ûnûntkomberens, oftewol de historiografyske krityk, dy’t bygelyks de historyske logika fan it globalisearringsdikoers ûnderút hellet, kin syn boarne fine yn de marxistyske en postmarxistyske tradysje. Sjoch Cornelius Castoriadis, ‘Marxism and revolutionary theory’ [1964-1965], yn: idem, The imaginary institution of society (Cambridge, MA 1998) 9-164.
  7. De marxistyske teory sjocht nasjonale identiteit as in foarm fan bourgeois falsk bewustwêzen. Dat makke yn de sosjology it nasjonalisme in lestige saak; Benedict Anderson (1991) en Eric Hobsbawm & Terence Ranger (1992) nimme it marxistyske stânpunt oer. Op itselde stuit as dat Anderson it nasjonalisme omskriuwt as leechhertigens fan de hearskjende klasse, wiist lykwols Tom Nairn—dy’t beslist net minder read is as it taske fan Salverda—de lykstelling fan nasjonalisme mei boargerlik falsk bewustwêzen ôf en leit de klam op de subjektive aspekten fan nasjonale identiteit, i.e. “inherited ethos, speech, folklore, skin-color, and so on.” Tom Nairn, ‘The modern Janus’, New Left Review 1:94 (1975) 11. Op basis fan Nairn kin de oarsprong fan de Fryske identiteit ûnmooglik lokalisearre wurde yn de opkommende Fryske lytse boargerij, mar wol yn wa dan ek dy’t ree wie om foar syn taal en erfskip it klassekonflikt del te lizzen en it kapitalisme—somtiden sels it amper maskearre Tredde Rykkapitalisme—te omearmkjen as de wrâldnoarm.
  8. M. Douglas Meeks, God the economist: The doctrine of God and political economy (Minneapolis, MN 1989) 162 et passim.
  9. ‘Das Busenattentat’, 22 april 1969, sjoch Lorenz Jäger, Adorno: A political biography, oers. Stewart Spencer (New Haven, CT 2004) 207-8; Stefan Müller-Doohm, Adorno: A biography (Malden, MA 2005) 475.
  10. Leo Lowenthal, Literature and mass culture. Communication in society 1 (New Brunswick / Londen 1984) 47-50.
  11. Jacques Barzun, The use and abuse of art (Princeton 1974) 84-96.
  12. Robert Hughes, Culture of complaint: A passionate look into the ailing heart of America (New York 1993) 202.
  13. Constance Bumgarner Gee, ‘Spirit, mind and body: Arts edcucation the redeemer’, yn: Elliot W. Eisner, Michael D. Day (red), Handbook of research and policy in art education (Mahwah, NJ 2004) 115-134, 131-133. Gee hâldt út dat kwaliteitskeunstûnderwiis keunst net demokratisearje moat, mar de minsken wat leare oer keunst: “Such [quality art] teaching may not produce better, more tolerant, mentally and physically in-tune people who do well on standardized tests; but if the education is sound, people will end up knowing more about art. In all truth, that is the most that can be promised and delivered.” (132) Op ferlykbere wize makket de Fryske meartaligenspolityk it ûnderwiis yn mear talen populêr troch allerhande positive sosjaalemosjonele, fysike en kognitive effekten fan meartaligens te beloovjen, mar it ûnderwiis lit de bern efter sûnder kennis fan de Fryske taal.
  14. Ek yn Fryslân hat kultueredukaasje ferskate doelen, mar net it doel fan kennis fan keunst. “De minister was blij dat veel Kamerleden het belang van cultuureducatie zien. ‘(...) Ik kan dit belang niet genoeg benadrukken. Niet voor niets zet ik daar maximaal op in (...). Het is van groot belang voor de persoonlijke ontwikkeling en de economie van de toekomst. De veelgenoemde 21st century skills, zoals creativiteit en kritisch denken, worden bij uitstek meegegeven door cultuuronderwijs.’” ‘Bussemaker: ‘Blijf maximaal inzetten op cultuureducatie’’, Landelijk Kennisinstituut Cultuureducatie en Amateurkunst (LKCA), 16 jannewaris 2015 <http://www.lkca.nl/nieuws/nieuwsoverzicht/cultuurdebat-15-januari-2015> [krigen 8 maart 2016]. Ek hjir is krityk op it feit dat it learen oer keunst út de kultuuredukaasje fallen is, sjoch Frank van der Hulst, ‘De kunst verdwijnt uit de cultuureducatie en dat is de dood in de pot’, LKCA, 20 jannewaris 2016 <http://www.lkca.nl/cultureel-kapitaal/opinie-frank-van-der-hulst> [krigen 8 maart 2016].
  15. Paul J DiMaggio, Cultural boundaries and structural change: How art joined entertainment on the American stage, NAAPPD report (Washinton, DC 1989) 3.
  16. UK Music, Wish you were here 2015: Music tourism’s contribution to the UK economy <http://www.ukmusic.org/assets/general/WYWH_2015Report.pdf> [krigen 8 maart 2016].
  17. Evinç Doğan, ‘City as spectacle: The festivalization of culture in Istanbul’, yn: Mensur Akgün en Lenka Pet'ková, Young minds rethinking the mediterranean (Istanbul 2011) 69-93.
  18. Martin Irvine, ‘Introduction to the economics of art and the art market’ (2004-2009) <http://faculty.georgetown.edu/irvinem/visualarts/ArtMarket/ArtMarketEconomics.html> [krigen 29 febrewaris 2016].
  19. Ben Thompson en Manny Vega, ‘Pier Gerlofs Donia’, Badass of the Week, 2012 <http://www.badassoftheweek.com/bigpier.html> [krigen 29 febrewaris 2016].
  20. De VVD woe gjin ekstra wenten bouwe. Erik van der Walle, ‘Blok onderzoekt intrekken voorrang asielzoekers bij sociale woningen’, NRC, 8 oktober 2015 <http://www.nrc.nl/nieuws/2015/10/08/blok-onderzoekt-intrekken-voorrang-asielzoekers-bij-sociale-woningen?> [krigen 29 febrewaris 2016].
  21. ‘Voorzitter FNP wil partijvernieuwing’, Leeuwarder Courant, 5 jannewaris 2016, 2.
  22. Richard Kaplan, ‘Between mass society and revolutionary praxis: The contradictions of Guy Debord’s Society of the Spectacle’, European Journal of Cultural Studies 15:4 (2012) 457-478.
  23. Jürgen Habermas, Inclusion of the other: Studies in political theory, oers. MIT (Cambridge, MA 1998) 22; Ludwig Wittgenstein, Philosophical investigations, oers. G.E.M. Anscombe (Oxford, UK 1986) #86 (40) en #242 (88). Wittgenstein hold yn ’t earstoan (Tractatus, 1921) út dat etyk in saak wie dêr’t wy net—reedlik—oer prate kinne. Letter feroare er fan gedachten oer wat taal wie en koe en ferfong de dichotomy fan wat sein wurde koe en ûnsin troch ferskate útinoar rinnende ‘language-games’. Om begrepen wurde te kinnen (dat wol sizze, om logysk te wêzen yn wat jo sizze of dogge) kin de taal dy’t jo no brûke net radikaal ferskille fan eardere talen. It is yn dat ramt fan taalgebrûk dat de betsjutting fan in begryp fêststeld wurdt; der is gjin absolút referinsjepunt foar betsjuttingjaan. In mienskip fan taalsprekkers, of in subgroep dêrfan, stiet boarch foar de kontinuïteit fan betsjutting.
  24. Cf. Catherine Frost, ‘Getting to yes: People, practices, and the paradox of multicultural democracy’, yn: David Laycock (red), Representation and democratic theory (Vancouver / Toronto 2004) 48-64, 51-52. De Ierske taal (sprekkers twa persint fan de befolking) hat gjin skea ûnderfûn fan de fermindere oerheidsstipe oan it ein fan foarrige ieu foar de deistige twataligens. Lykas yn Fryslân is der wol stipe foar taal as kultureel objekt. Mar oars as yn Fryslân hechtet yn Ierlân in wichtich part fan de befolking wearde oan de Ierske taal, sûnder dat winske wurdt dat dy taal ynfierd wurdt yn de publike ynstitúsjes. De memmetaal hat foar de befolking dus net de politike betsjutting dy’t it yn Fryslân hat. “The implication is that, even when a language has clear intrinsic value, this may not be an obstacle to a population acting as if language is an instrumental choice” (52).

Foaropwurd 2.5

Fers2, 6 maart 2016

Kultuerferlies III: Bruzjende dekadinsje

dazzling decadence
Kaviaarytwedstriid Moskou 21 april 2012, kosten 2 miljoen rûbel (doe goed 50.000 euro), op 0,5 kilo winnende tiid 86 sekonden.

It Ingelske ‘dazzling decadence’ brûkt de alliteraasje as aide memoire, as wie it in reklameslogan. Op syn Frysk soe it like krêftich klonken hawwe, op de billboards lâns de Dútske autobahn yn de rjochting fan ús Kulturele Haadstêd, oer in apokalyptyks, grizich tinte plaatsje hinne fan de deade beweging dûnsjend op de púnfal fan de provinsje: ‘FRYSLAN;$ FLAGRANT FERFAL’. Ien fan de twa toeristyske groeimerken is it ramptoerisme dus dat hie prachtich west. Mar nee, te let. De wurden dazzling en decadence binne al lang better yn Frylân ynboargere rekke as de Fryske ekwivalinten. En reklame wie nea Fryslâns sterkste kant. Ieuwenlang wiene molke en Fryske bûter de grutste eksportprodukten fan it lân. Mar it wie Vondel dy’t dichte, “Hier groeit het Hollantsch hart, hier zwelt de zuiveltasch.” It wie Cats dy’t in lofliet op de bûter makke: “De boter die althans in Holland wordt gemaakt / Is als een honingdauw, die al de wereld smaakt.” En Nijgh & Van Ditmar wie yn 1846 it earste reklameburo yn Nederlân, net de Afûk.

Al yn 1967 foarsei in baanbrekkend boek eksakt de brûzjende dekadinsje dy’t wy no ûnderfine. La société du spectacle fan Guy Debord jout, op it fûnemint fan Marx’ konsept fan de ferfrjemding, in skerpe analyse fan it spektakel. Yn ús hjoeddeiske wrâld stiet de yndividu foar de lawine fan reklame oer. Debord liet him ynspirearje troch de agressive tabaksyndustry yn de Feriene Steaten; de ienling is redusearre ta in potinsjele konsumint fan in fabryksoanbod fan fleurige ferhalen. It spektakel stiet foar ús passive, kwasyfisuele ferhâlding ta de sosjale wrâld, ôfsnijd as wy binne fan de kollektive tradysjes dy’t ús sosjale relaasjes foarmjoegen.

Dy krityk ferskynde hast 50 jier lyn. It kommentaar op La société du spectacle, fan Debord sels, is alwer goed 25 jier âld, Karl Marx syn Entfremdung-teory is fan 1844, György Lukács beskreau de ferfrjemding as kultureel issue yn 1922. Ek al hat de sosjale slavenij him ûnderwilens oer de hiele ierdbol ferspraat, wa’t no noch ris komt mei in marxistyske krityk op de Amerikaanske maatskippij is let. Wa’t it yn it Frysk ha wol oer de produksje en resepsje fan kulturele plaatsjes komt let. In stik dat hannelet oer de ûntsjinkearbere reïfikaasje fan literêre keunst, troch ien mineur aspekt fan de artistike werklikheid te substantifiearjen ta in ‘res’, in ding, in boek!, dy lit Fryslân opnij sjen as: te let. Alles barde hjir wol, mar it like net boppe it oerflak fan it yntellektueel ûnbewuste te kommen. Itselde jildt foar de resintere sosjaalpolitike ûntjouwingen. It sloech Fryslân net oer, mar gjinien—

Nee hear, dat is skiedferfalsking. Want wêrom ek net? Neat moaier as de Fryske literatuerskiednis fan de njoggentjinde ieu lit sjen hoe’t it kanonisearjen fan it ferline de kollektive geast slút foar beskate kennis of just derfoar iepenet, hoe ahistoarysk as dy kennis ek is. Mar de wierheid is, de sân kentekens fan de brûzjende dekadinsje wiene yn Fryslân al sinjalearre lang, hiel lang, foar’t de kultuerpessimisten út it bûtenlân sa fier wiene. Yn gjin lân op ierde is de disaster preparedness sa heech as yn Fryslân, wat fansels net los stiet fan de mannichte minskmakke rampen dy’t wy oer ús hinne komme litte, mar dêroer in oare kear. Wynparkisearring, yn kulturele sin homogenisaasje fan kultueren oeral op ’e wrâld, is in term munte troch Obe Postma in 1901,Obe Postma, ‘Oan ’e see’, Daden en dagen (s.û. 1901): “De sljochte see bûtst sêft syn weachjes / Tsjin peal- en stienwurk oan myn foet” en ‘Pinkstersnein’, Daden en dagen (s.û. 1901): “Wat ierdske wille komt soks benei? / (...) It heechste lok is op my saaid / En de himmel iepenlein.” [ús kursiven, F2]. fergelykje dat mei mcdonaldization, krekt út 1993; it ferskil is 92 jier yn it foardiel fan Fryslân.

Dan binne der frieschevlaggisaasje, ynvaazje fan nasjonalistyske identiteit, term munte troch Joast Halbertsma yn 1827, fergelykje mei cocacolonization 1993; snitswikisearring, homogenisearring fan konsumpsje, kommersjalisearring en emosjonele en tsjinstferlienende arbeid, term munte troch Sytse T. Hiemstra yn 1925, fergelykje mei disneyfication 2004; tomkefikaasje, doelberet oerfersimpeljen fan kultuer om ek de groep te berikken dy’t mear heechweardige ynformaasje net ferarbeidzje kin, term munte troch Troelstra yn 1918 nei it mislearjen fan syn coupe, fergelykje mei le-nivellement-par-le-bas (dumbing down) 1979; friesmuseumisearring, opsetlike trivialisearring fan ynformaasje, keunst, kultuer en akademyske standerts, troch fermindering fan kritysk tinken en ûnderwrotten fan yntellektuele noarmen op it mêd fan taal en learen, munte troch Eise Eisinga yn 1777, fergelykje mei southparkization 2007; megastallisearring, ûnbedimme liberalisearring, term munte troch S.J. van der Molen yn 1943, fergelykje mei made-in-chinization 2010; omropfrydivedaasje, munte troch Douwe Kalma, 1912, fergelykje mei sensationalism/infotainment 2004.George Ritzer, Mcdonaldization of society, 1993; Mark Pendergrast, ‘A brief history of coca-colonization’, NY Times (1993) <http://www.nytimes.com/1993/08/15/business/viewpoints-a-brief-history-of-coca-colonization.html> [krigen 29 febrewaris 2016]; Alan Bryman, hat de term net munte, wol popularisearre, mei The disneyization of society, 2004; Pierre Bourdieu, La distinction (oerset as Distinction: A social critique of the judgement of taste), 1979; Robert Arp, ‘Special surprise bonus!’, yn: Robert Arp, South Park and philosophy: you know, I learned something today (Malden, MA / Oxford, UK / Victoria AUS 2007) 263-266, 266. “And the Number 1 thing to do with South Park and Philosophy other than read it: place on coffee table just before chick comes over so you can appear smart in order to get laid.”; Stan Abrams, ‘Is the West becoming Chinafied?’, china/divide (2010) <http://chinadivide.com/2010/is-the-west-becoming-chinafied.html> [krigen 29 febrewaris 2016]; Bonnie M. Anderson, News flash: Journalism, infotainment, and the bottom-line business of broadcast news (San Francisco, CA 2004). Gebrûk meitsjend fan de by de Fryske Akademy populêre sosjologyske kwantifisearringsmetodology kin Fers2 fêststelle dat de kultuerpessimistyske konseptualisearring yn Fryslân njonken it útlân 787 jier foarop rûn.

Sy binne yn de midsieuwen, wy al hast yn 2018. Sy skytskoarje noch oan tsjin it kapitalisme dat de sigeunerjonkjes mei trien nei de massa’s streame en de hege kultuer ferkommerje lit. Want, sizze se, yn ús frije kapitalistyske maatskippij lit de iepen kompetysje tusken oanbieders fan kultuerguod it produkt winne dêr’t de measte langstme nei útgiet, dat is de ienfâldige popkultuer, en the winner takes it all, de mear komplekse artistike uteringen sneuvelje op de ûnmeilydsume merk sûnder watfoar beskutting ek, sjoch no dochs hoe’t de wrâld ensafhisearret.

Mar wy wolle hielendal net langer oer de Ensafh sangerje. De term is al munte troch Thil Ulespegel yn 1854—fergelykje mei massafication 1957Richard Hoggart, The uses of literacy: Aspects of working-class life (Harmondsworth 1957).—dus neat nijs ûnder de sinne. Wy wize der op dat, ek al bringt Ensafh ynstee fan artistike, kwalitatyf yndrukwekkende of krityske teksten lotter ûnnoazelens, dat jouwe wy ta, it blêd just net hoecht op te groeien yn deregulearre frijhannel, mar konstant skjinne ruften krijt troch steatskontrôle op dy pseudofrije merk. Wy hawwe al lang in pakt tusken burokrasy en laissez faire. Wy litte merk & steat tegearre kulturele útwikselingen organisearje, fan ús mei oaren, as fertsjintwurdigers fan in kollektyf.

Sy twivelje noch oer hokker fertsjintwurdiging en hokker kollektyf dat wêze meie. As, sizze se, as gefolch fan de demokratisearring fan de keunst elkenien de keunst yn gean kin en alle minsken har kreatyf uterje en net allinne dejingen dy’t treend binne en de feardichheden besitte, as sadwaande it ferskil net mear makke wurdt troch artistike kwaliteit mar troch imago en publike relaasjes en as de kulturele represintanten jild en trends ynstee fan de muzen adorearje,It keunstsubsydzjestelsel makket, neffens de konservative hardliner Banfield dy’t him ôfset tsjin publike stipe foar byldzjende keunst, dat museums: “encourage the substitution of pecuniary and curiosity values for aesthetic ones.” Edward C. Banfield, The democratic muse: Visual arts and the public interest (New York 1984) 93. wikselje wy dan net, ynstee fan kultuer, massakonsumpsje en rariteiten út? Jawis, witte wy al lang. Dan krije wy noch mear Kanye West. Mar Slate hat fêststeld dat West de meast lêzen kultuerkritikus fan ús tiid isMichael Lista, ‘I’mma let you finish, but Kanye West is the greatest critic of our time’, Slate, 11 febrewaris 2016 <http://www.slate.com/blogs/browbeat/2016/02/11/i_mma_let_you_finish_but_kanye_west_is_the_greatest_critic_of_our_time.html> [krigen 29 febrewaris 2015]. en dat kinne wy fan de Ensafh net sizze.

Sy sizze noch dat, net oars as dat ras gjin feit mar in kulturele konstruksje is, ‘de fryskskriuwer’ net perfoarst territoriaal of troch ôfstamming bûn is oan Fryslân, mar mei likefolle rjocht talich en transnasjonaal definiearre wurde kin. Wat foeget útwikseling ta, freegje se noch, as wy, yn ús frije wrâld, allegearre Maltezers, Basken en Masedoniërs wêze kinne? Mar wy hawwe al in ieu lyn de fiksjonele natuer fan ‘de Fries’ út it each ferlern; wy fergeaten dat der ea in ferskil wie tusken Idealtypus en ferbylding fan sosjale identiteit, bygelyks as perfekte Fries.“Demgegenüber ist es aber eine elementare Pflicht der wissenschaftlichen Selbstkontrolle und das einzige Mittel zur Verhütung von Erschleichungen, die logisch vergleichende Beziehung der Wirklichkeit auf Idealtypen im logischen Sinne von der wertenden Beurteilung der Wirklichkeit aus Idealen heraus scharf zu scheiden. Ein ‘Idealtypus’ in unserem Sinne ist, wie noch einmal wiederholt sein mag, etwas gegenüber der wertenden Beurteilung völlig Indifferentes, er hat mit irgend einer anderen als einer rein logischen ‘Vollkommenheit’ nichts zu tun.” Max Weber, ‘Die »Objektivität« sozialwissenschaftlicher und sozialpolitischer Erkenntnis’, yn: Max Weber en Johannes Winckelmann (red), Gesammelte Aufsätze zur Wissenschaftslehre (Tübingen 1985) 146-214, 199. [Earste printinge yn: Archiv für Sozialwissenschaft und Sozialpolitik 19:1 (1904) 22-87.] It beskermjen fan de folkloare-Fries, dat wol sizze fan it konsept fan Oarsheid,Yn in kultuernasjonalistyske setting bestiet in empiryske en teoretyske gearhing tusken identiteitspolityk en syn ‘ambivalent Others’, nammentlik tusken nasjonalisme en etnisiteit, gender en folkloare. Dina Roginsky, ‘Nationalism and ambivalence: ethnicity, gender and folklore as categories of otherness’, Patterns of Prejudice 40:3 (2006) 237-258. is ús twadde natuer, om de ekonomyske eksploitaasje dêrfan.Ricardo Gomes Lima, ‘Economic exploitation of expressions of folklore: The experience of the Americas’, paper foar de Unesco-Wipo World Forum on the Protection of Folklore, Phuket, Thailand, 8-10 april 1997 <http://unesdoc.unesco.org/images/0022/002201/220175eo.pdf> [krigen 29 febrewaris 2016]. Al yn de fjirtjinde ieu betochten wy, by de net-foardielige unifikaasje fan de Upstalbeam,“UPSTALBEAM (...) This loose organisation was not very effective, because it lacked the power to exact obidience to its decisions (willekeuren).” Joop W. Koopmans en Arend H. Huussen, Jr., Historical dictionary of the Netherlands (Lanham, MD / Toronto / Plymouth, UK 2007) 231. dat kulturele ynteraksje nea resultearje mei yn hybriditeit of in fusy fan gewoantes, praktiken, opfettingen en tradysjes, oftewol yn in mingkultuer dy’t it nekskot betsjut foar in merk basearre op it idee fan ûneinige fariaasje.

Sy smite noch foar dat, al is der foar alle mooglike smaken in jirpelgedicht, op yndividuele smaak in estetyske teory net rêste kin, want dat bringt de keunstkwestje werom nei smaakferskillen dy’t gjin part binne fan in rasjonele diskusje. It pleit fan de filosoof Kant om ús fielen fan skientme te ûnderskieden fan klearebare sensuele ûnderfiningen en te ferfangen foar in reedlik estetysk oardiel, om’t inkeld dat in iepenbier debat mooglik makket oer wat wol en net keunst is, dat ha wy al lang lyn lêzen. It is ûnlêsber. Boppedat kinne wy al sûnder objektive prinsipes foar keunst en kultuer op syn minst sûnt Douwe Kalma se ynwiksele foar syn eigen tige subjektive ûnderliifgefoel, mei in standert dêr’t ‘mear (sonnetten) is better’ de wichtichste fan is. Mar sy hingje noch yn it tinken dat mear nije keunst faaks wol ta mear ynterpretaasjes fan âlde keunst liedt, mar net perfoarst bettere tsjuttingen opsmyt; kwantiteit is gjin kwaliteit.

Dan ha se it oer hoe’t de kwantifikaasje fan kultuer begûn yn it Tredde Ryk, dat syn nazikeunst nei foaren treau as it summum fan sivilisaasje en it iennichste wapen yn de striid tsjin it barbarisme om harren hinne.Richard A. Etlin, Art, culture, and media under the Third Reich (Chicago / Londen 2002) xv-xvi. Al fier foar’t Eeltsje Hettinga dermei eksperimintearre—grif prenataalSjoch eeltsjehettinga.blogspot.nl en eeltsjehettinga.nl, alle blogs tusken begjin 2012 en ein 2013.—hearre soksoarte gratuite beskuldigingen fan in ferkearde moraal fêst ta it Fryskeigen. En och, it is noch net de ynsinuearjende, bewuste of útdruklike ôfwizing fan de ûntpersoanlikte kulturele skaaimerken, of fan beskate karakteristiken fan de westerske maatskippij dy’t dêr de oarsaak fan binne, lykas ûnttsjoening en materialisme. It is noch lang net de krityk op it gefaar fan it ekonomisme, in ideology dêr’t wy al oer neitochten doe’t wy mei de kommersjele lânbou begûnen, om 1570 hinne, dus sa’n 443 jier foar’t Deputearre Steaten—flak foar krysttyd dus yn alle stiltme—de Koersnotitie genetisch gemodificeerde gewassen publisearre. Wy kenne it al allegearre al lang. Wy drinke der gjin sherrytsje minder om.

Oer fjirtjin dagen mear oer it brûzjende ekonomisme!

Noaten

  1. Obe Postma, ‘Oan ’e see’, Daden en dagen (s.û. 1901): “De sljochte see bûtst sêft syn weachjes / Tsjin peal- en stienwurk oan myn foet” en ‘Pinkstersnein’, Daden en dagen (s.û. 1901): “Wat ierdske wille komt soks benei? / (...) It heechste lok is op my saaid / En de himmel iepenlein.” [ús kursiven, F2].
  2. George Ritzer, Mcdonaldization of society, 1993; Mark Pendergrast, ‘A brief history of coca-colonization’, NY Times (1993) <http://www.nytimes.com/1993/08/15/business/viewpoints-a-brief-history-of-coca-colonization.html> [krigen 29 febrewaris 2016]; Alan Bryman, hat de term net munte, wol popularisearre, mei The disneyization of society, 2004; Pierre Bourdieu, La distinction (oerset as Distinction: A social critique of the judgement of taste), 1979; Robert Arp, ‘Special surprise bonus!’, yn: Robert Arp, South Park and philosophy: you know, I learned something today (Malden, MA / Oxford, UK / Victoria AUS 2007) 263-266, 266. “And the Number 1 thing to do with South Park and Philosophy other than read it: place on coffee table just before chick comes over so you can appear smart in order to get laid.”; Stan Abrams, ‘Is the West becoming Chinafied?’, china/divide (2010) <http://chinadivide.com/2010/is-the-west-becoming-chinafied.html> [krigen 29 febrewaris 2016]; Bonnie M. Anderson, News flash: Journalism, infotainment, and the bottom-line business of broadcast news (San Francisco, CA 2004).
  3. Richard Hoggart, The uses of literacy: Aspects of working-class life (Harmondsworth 1957).
  4. It keunstsubsydzjestelsel makket, neffens de konservative hardliner Banfield dy’t him ôfset tsjin publike stipe foar byldzjende keunst, dat museums: “encourage the substitution of pecuniary and curiosity values for aesthetic ones.” Edward C. Banfield, The democratic muse: Visual arts and the public interest (New York 1984) 93.
  5. Michael Lista, ‘I’mma let you finish, but Kanye West is the greatest critic of our time’, Slate, 11 febrewaris 2016 <http://www.slate.com/blogs/browbeat/2016/02/11/i_mma_let_you_finish_but_kanye_west_is_the_greatest_critic_of_our_time.html> [krigen 29 febrewaris 2015].
  6. “Demgegenüber ist es aber eine elementare Pflicht der wissenschaftlichen Selbstkontrolle und das einzige Mittel zur Verhütung von Erschleichungen, die logisch vergleichende Beziehung der Wirklichkeit auf Idealtypen im logischen Sinne von der wertenden Beurteilung der Wirklichkeit aus Idealen heraus scharf zu scheiden. Ein ‘Idealtypus’ in unserem Sinne ist, wie noch einmal wiederholt sein mag, etwas gegenüber der wertenden Beurteilung völlig Indifferentes, er hat mit irgend einer anderen als einer rein logischen ‘Vollkommenheit’ nichts zu tun.” Max Weber, ‘Die »Objektivität« sozialwissenschaftlicher und sozialpolitischer Erkenntnis’, yn: Max Weber en Johannes Winckelmann (red), Gesammelte Aufsätze zur Wissenschaftslehre (Tübingen 1985) 146-214, 199. [Earste printinge yn: Archiv für Sozialwissenschaft und Sozialpolitik 19:1 (1904) 22-87.]
  7. Yn in kultuernasjonalistyske setting bestiet in empiryske en teoretyske gearhing tusken identiteitspolityk en syn ‘ambivalent Others’, nammentlik tusken nasjonalisme en etnisiteit, gender en folkloare. Dina Roginsky, ‘Nationalism and ambivalence: ethnicity, gender and folklore as categories of otherness’, Patterns of Prejudice 40:3 (2006) 237-258.
  8. Ricardo Gomes Lima, ‘Economic exploitation of expressions of folklore: The experience of the Americas’, paper foar de Unesco-Wipo World Forum on the Protection of Folklore, Phuket, Thailand, 8-10 april 1997 <http://unesdoc.unesco.org/images/0022/002201/220175eo.pdf> [krigen 29 febrewaris 2016].
  9. “UPSTALBEAM (...) This loose organisation was not very effective, because it lacked the power to exact obidience to its decisions (willekeuren).” Joop W. Koopmans en Arend H. Huussen, Jr., Historical dictionary of the Netherlands (Lanham, MD / Toronto / Plymouth, UK 2007) 231.
  10. Richard A. Etlin, Art, culture, and media under the Third Reich (Chicago / Londen 2002) xv-xvi.
  11. Sjoch eeltsjehettinga.blogspot.nl en eeltsjehettinga.nl, alle blogs tusken begjin 2012 en ein 2013.

Foaropwurd 2.4

Fers2, 24 febrewaris 2016

Kultuerferlies II: It heareakkoart

of, Hoe’t wy learden op te hâlden fan prakkesearjen en it barbarisme leaf te hawwen

it heareakkoart

It kultuerpessimisme dript fan him ôf. Yn de ferwachting dat Dútslân de oarloch winne sil skriuwt Oswald Spengler Der Untergang des Abendlandes en triuwt er Europa oan de folgjende oarloch ta yn de konservative hoeke mei syn foarsizzingen fan dekadinsje. Dêrnei is it in pear desennia stil. Dan komme de postmoderne klachten oer technologyske fernijing dy’t psychyske ferfrjemding en fysyk ferneatigjen tsjinje, it sosjale en morele ferfal yn benammen de grutte stêden en de liberale oerheid dy’t alles mar talit en sadwaande in sêft-totalitêre steat is, wat, mei alle ûnsichtbere en automatisearre kontrôle foar ús eigen feilichheid, net oars kin as útrinne op in hurde totalitêre werklikheid dêr’t alle fantasy en estetyk út ferballe binne. Dat tinken is direkt werom te fieren op Spengler, waans ideeën ûntsprute oan Plato, Augustinus, Rousseau, Pope, Vico, Schopenhauer, Nietzsche en, wa wit, Swift, Arnold en Huub Mous. In kultuerpessimist is dêrom net perfoarst in maskearre ferdigener fan de bourgeoishegemony (Mous) of in snobistyske, troch de teoretisy fan de estetika ferhune kultuerdandy (Fers2). In kultuerpessimist kin, sûnder dalik in altruïstyske, agnostyske of hipstermoralist te wêzen, saken systematisearje, oertinke, relativearje en neist him dellizze.

Sa’n kultuerpessimist wie Hans Wiegel.

Fryslân ferlear. De dekadinsje kaam.

It is in kâlde, wiete, wynstille en donkergrize junydei yn 1982 as de populistyske VVD’er Wiegel kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân wurdt. Mar dat suterige waar is yn ’t allerminst net metafoarysk foar de jierren dy’t komme sille; dy binne ekonomysk tige foarspoedich. It kabinet Lubbers I en benammen de opbetterjende wrâldekonomy lûke Nederlân út in djippe resesje, Lubbers II hat de ekonomyske wyn flink yn ’e rêch, Lubbers III genietet opnij fan de hege konjunktuer en as de ekonomy op it lêst, yn 1994, dochs in lyts bytsje ynsakket sitte Wiegel syn twa terminen fan seis jier der op. Wiegel mei de provinsje bestjoere fan de modderfette greiden ôf.

Op 17 febrewaris 1989 makket de parse bekend dat de ministers Braks fan Lânbou, Deetman fan Underwiis en Brinkman fan Kultuer en steatsekretaris Evenhuis fan Ekonomyske Saken ta in akkoart kommen binne dat letter frivoal ‘it heareakkoart’ komt te hiten. It akkoart hâldt in útruil yn fan ûnderwiis en kultuer tusken Fryslân en Grins. Konservatoarium, keunstakademy en it Frysk Orkest wurde yn Grins konsintrearre en Ljouwert krijt dêr de learareoplieding Ubbo Emmius en de Ryks Hegere Lânbouskoalle fan Grins foar werom. It akkoart wurdt presintearre as in politike realiteit dêr’t neat oan te feroarjen is: “take it or leave it.”Warskôging fan beide kommissarisen fan de Keninginne. Henk Vonhoff drige mei “take it or leave it” op de gearkomste fan de Deputearre Steaten fan Grins op 21 febrewaris 1989. ‘Agrarische Hogeschool in Groningen behouden’, Nieuwsblad van het Noorden, 22 febrewaris 1989, s. 9. En Wiegel warskôge sa de Ljouwerter gemeenterie; hy lei út: “Maar wie nu gaat zeggen: het feest moet maar niet doorgaan want wij willen meer, die is uiteindelijk ook verantwoordelijk voor de consequenties van die opstelling.” Harm Harkema, ‘‘Wie dit bod afwijst ook voor gevolgen verantwoordelijk’’, Leeuwarder Courant, 18 febrewaris 1989, s. 13.

De provinsjale folksfertsjintwurdiging tinkt der net oer om yn ferset te kommen. Doetiidske kultuerdeputearre Johanneke Liemburg fertelt dat hja krekt in wike foar it bekendmeitsjen fan it akkoart in wink krige: “Wy waarden op spoedberie roppen. As wy noch wat ynfloed ha wolle, moatte wy no yngripe, wie de boadskip. Mar de hâlding wie, wy geane der achter stean.”Rob Leemhuis, ‘Niemand wist van het Herenakkoord, behalve Wiegel’, LC+, 16 jannewaris 2016, http://www.lc.nl/plus/Niemand-wist-van-het-Herenakkoord-behalve-Wiegel-21115388.html. De ferstuivere gemeenterie en boargemaster fan Ljouwert wize it akkoart ôf om’t it liede sil ta kulturele “verarming en verschraling van de hele provincie”,Sitaat fan boargemaster fan Ljouwert John te Loo. ‘Ruilhandel onthutst gemeenteraad’, Leeuwarder Courant, 18 febrewaris 1989, s. 13. Sjoch ek ‘PvdA interpelleert in gemeenteraad over herenakkoord’, Leeuwarder Courant, 3 maart 1989, s. 15. mar snappe al gau dat se neat yn te bringen ha. Fan de Fryske boargers komt, op in pearhûndert aktive tsjinstanners fan it akkoart nei, gjin ferset,Sels de oprop fan de Vrienden van het Frysk Orkest om de Steateleden mei de tillefoan of in brief dúdlik te meitsjen dat it Frysk Orkest net ferdwine mei, late net ta grôtfolle brievebussen en readgleaune tillefoans. ‘Boze, verdrietige en milde reacties bij Statenleden’, Leeuwarder Courant, 24 febrewaris 1989, s. 6. wat nammerste opfallender is om’t de kranten jierrenlang skriuwe oer fûl protest út Grins. Yn Fryslân liket it idee te wêzen dat it kordaat fansiden skowen fan it demokratysk proses wol rjochtfeardige wurde moat troch in freeslike ramp dy’t inkeld twa VVD-bon vivants tefoaren kommen kinne, lykas dat oer Fryslân sa’n floedweach fan kultuer komt dat it de boargers oan de lippen ta stiet.

Logysk dus dat kommissaris fan de Keninginne Wiegel en syn kollega út Grins, Henk Vonhoff, de ûnderhannelingen foar it akkoart, dy’t jierren yn beslach namen, yn it djipste geheim fierden. “We bespraken alles met de hoofdredactie” fan de Leeuwarder Courant, sei Wiegel yn 2009, mar dy besleaten it nijs net te publisearjen.Dolf Rogmans, ‘Wiegel: ‘We bespraken alles met LC’’, Villamedia, 25 septimber 2009, https://www.villamedia.nl/artikel/wiegel-we-bespraken-alles-met-hoofdredactie. Yn 2016 hold Wiegel it wer op folslein geheim: “Je kunt zo’n pakket alleen in een zeer besloten kring voorbereiden. Stel dat het nieuws bij de Leeuwarder Courant was gekomen, dan was het niet gelukt.”Rob Leemhuis, ‘Niemand wist van het Herenakkoord, behalve Wiegel’, LC+, 16 jannewaris 2016, http://www.lc.nl/plus/Niemand-wist-van-het-Herenakkoord-behalve-Wiegel-21115388.html.

Sjoch, dat is no in typysk populistyske lakreden: “Stel dat...” Wiegel mient dat it folk better oertsjûge wurde kin mei him eat foar te stellen dat hielendal net oan de oarder wie as mei arguminten dy’t basearre binne op feiten. Tsjintwurdich is Wiegel kollumnist foar The Post Online, in side foar rjochtse bloggers. “De columnist is de uitdrukking en de katalysator van een decadente postmoderne cultuur waarin populistische politici gedijen,” seit polityk filosoof Hans Blokland.Hans Blokland, ‘Nederland schreeuwt om beschaving’, Rekto Verso 45 (2011), http://www.rektoverso.be/artikel/nederland-schreeuwt-om-beschaving. It selsfoldiene, ‘gedurfde’ maniërisme, bekend fan GeenStijl, wie al earder de styl fan de kollumnisten Pim Fortuyn en Rita Verdonk en sil it aanst wêze fan Geert Wilders.

Boppedat folget op “Stel dat...” in glydzjend ôfskotargumint: as A bart sil needsaaklikerwize B barre, sûnder dat it meganisme tusken A en B ûnderboud of sels mar neamd wurdt. Dat typearret de rjochtslibertêre retoryk. Ommers de fokus is hielendal op de net winske útkomst, wat it wjerlizzen fan tsjinarguminten ûnnedich makket. It argumint dat it proses net demokratysk wie giet Liemburg sa út de wei: “As hy [Wiegel] alles neffens de rigels dien hie, hie Fryslân niks mear oer hân.”Rob Leemhuis, ‘Niemand wist van het Herenakkoord, behalve Wiegel’, LC+, 16 jannewaris 2016, http://www.lc.nl/plus/Niemand-wist-van-het-Herenakkoord-behalve-Wiegel-21115388.html. Neist de flirt mei goedkeap populisme jouwe glydzjende ôfskotarguminten in pessimistyske kyk op de kultuer stal. De Ljouwerter Krante soe abslút net by steat wêze om goed ynformearre opinys te kweekjen en, slimmer noch, ús demokratyske wetten soene Fryslân fan al har besit berôvje.

“Dan was het niet gelukt” suggerearret krisismanagement, dêr’t de kwaliteit fan de oanpak wike moat foar it bëinigjen fan de needtastân. Om de Commonwealth te rêden konfrontearret James Bond de M16 elke missy opnij mei swiere skeaclaims fanwegen in spoar fan fernieling en dat fine wy normaal. Dus klinkt Wiegel hast grutsk: “We moeten pijn lijden, ik ontken dat zeker niet.”‘FO en conservatorium weg, concertzaal en hbo retour’, Leeuwarder Courant, 18 febrewaris 1989, s. 1. Mar... hjir wie gjin needgefal. Fryslân noch Grins driigden yn de kultuer te fersûpen. Krekt oarsom naam fan de jierren santich ôf de niget oan symfonyorkesten ôf. De nota Orkestenbestel út 1976 regele dêrom it gearfoegjen fan orkesten en om’t de legere oerheden en Wiegel neat diene,Oannommen is wol dat Wiegel yn 1982 efter de protestaksje It Frysk Orkest moat Bliuwe! stie, dêr’t er de hantekeningen foar yn ûntfangst naam. De beskriuwing fan in foto fan de Leeuwarder Courant fan 7 septimber 1982 docht lykwols tinken dat der inkeld retoryk wie: “Het wegtrekken van een doek, de eerste officiële daad van Commissaris der Koningin in Friesland, Hans Wiegel. Hiermee opende de CdK. de nieuwe Evenementenhal, een onderdeel van de Frieslandhal te Leeuwarden. (...) De aanwezigheid van het Frysk Orkest bij deze gebeurtenis verleidde de CdK. tot de uitspraak dat de bezuinigingsplannen t.a.v. dit orkest “overboord” horen te worden gegooid.” Beskriuwing foto 35541, http://collections.tresoar.nl/cdm/ref/collection/TRLffa/id/40816. is de fusy tusken it Frysk Orkest en it Noordelijk Filharmonisch Orkest yn 1989 dêr in gefolch fan.Elles Bulder, ‘Zorg, onderwijs, cultuur en vermaak’, yn Stad van het noorden: Groningen in de twintigste eeuw, red. Maarten Duijvendak en Bart de Vries, 489-524 (Assen: Van Gorcum, 2003), s. 516; ‘Brinkman voert nu alvast akkoord over orkesten uit’, Leeuwarder Courant, 24 febrewaris 1989, s. 6. Minister Brinkman fan Kultuer stjoerde op 23 febrewaris al in brief nei it Frysk Orkest dat er op 1 septimber 1989 útfiering jaan soe oan de fusy fan de orkesten FO en NFO. Hy wachte de taseine útwurking fan it heareakkoart troch Deputearre Steaten net ôf, mar hie in eigen plan. As Vonhoff seit dat it akkoart in ein meitsje moat oan jierren fan toulûken tusken de provinsjes,‘FO en conservatorium weg, concertzaal en hbo retour’, Leeuwarder Courant, 18 febrewaris 1989, s. 1: “Dit ‘totaalpakket”, waaraan het rijk ruim ƒ 76 miljoen wil bijdragen, moet een einde maken aan jaren getouwtrek tussen beide provincies.” “Met deze deal voorkomen we, dat Groningen en Leeuwarden blijven oorlog voeren,”Harm Harkema, ‘‘Wie dit bod afwijst ook voor gevolgen verantwoordelijk’’, Leeuwarder Courant, 18 febrewaris 1989, s. 13. is dat misliedend. Beide orkesten fochten foar har fuortbestean, mar net tsjin inoar.

In oare reden as de oarloch te beëinigjen waard net jûn.Foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, Dr. T.H.J. Stoelinga: “[E]en motivering voor de gemaakte keuzes ontbreekt nog steeds.” ‘Bestuursvoorzitter NHL ageert nogmaals tegen ‘herenakkoord’’, Nieuwsblad van het Noorden, 4 septimber 1989, s. 9. Dy wie der ek net. De ekonomy easke gjin besunigingen. Allinnich al it hbo-útruilpart fan it heareakkoart koste 128 miljoen gûne, dêr’t de effekten noch net fan fêststean.Wol is der stúdzje nei de effekten fan de Schaalvergroting, Taakverdeling en Concentratie-operaasje (STC-operatie) fan 1986, fan Thomas K. Niaounakis, Productiviteitstrends in het hoger beroepsonderwijs: Een empirisch onderzoek naar het effect van de regulearing op de productiviteitsontwikkeling tussen 1975 en 2010, 2012, www.tbm.tudelft.nl/uploads/media/M76921-3HBOrap_def.pdf. Al mei al is it maatskiplik belang fan de hbo folle grutter wurden; it is yn de ôfrûne desennia útgroeid ta ien fan de grutste leveransiers oan de arbeidsmerk. Neist de foar it meastepart positive produktiviteitsgroei yn de jierren njoggentich lit dat it effekt fan de operaasje as positiyf sjen. In kanttekening fan de stúdzje is dat dy gjin rekken hâldt mei de kwaliteit fan de ûnderwiis en de ôfjûne diploma’s (s. 14-15). Ek bliuwe by de stúdzje urban progress & wellbeing-faktoaren bûten beskôging. De akkoartkosten mei-inoar leine gâns miljoenen heger,It heareakkoart omfette ek it foarmjen fan it Noord Nederlands Orkest en Ljouwert krige ƒ 21,5 miljoen foar it opknappen fan de Westertsjerke en de nijbou fan in skouboarch. mar wy pasten yn dy tiid net op ’e dûbeltsjes. Yn de jierren tachtich ferliet de oerheid it klassyk regionaal sosjaal-ekonomyske belied mei gelikens en sprieding, yn ’t foardiel fan kohesybelied en eigen ferantwurdlikheid fan de regio foar syn ekonomyske ûntjouwing. Mar it ôfskaffen fan sprieding needsake net ta in top-down heareakkoart. As lêste kaam der yn 1986 in nije hbo-wet, lyksa fan it idee ‘mear merk, minder oerheid’ út, mei as betingst foar finansiering dat de oplieding grut genôch wie, wat in grutskalige hbo-fusy-operaasje mei him meibrocht. Mar dat proses rûn tusken Fryslân en Grins wis net dea op toulûken.Minister van Onderwijs en Wetenschappen, Definitief oordeel over de voorstellen voor de schaalvergroting, taakverdeling en concentratie in het hoger beroepsonderwijs, Brief van de Minister van Onderwijs en Wetenschappen, Aan de Voorzitter van de Tweede kamer der Staten Generaal, 18 094, nr. 11, 2 jan. 1986, http://resolver3.kb.nl/resolve?urn=sgd%3Ampeg21%3A19851986%3A0002571Tweede Kamer, vergaderjaar 1985-1986; ‘Bestuursvoorzitter NHL ageert nogmaals tegen ‘herenakkoord’’, Nieuwsblad van het Noorden, 4 septimber 1989, s. 9: Foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, Dr. T.H.J. Stoelinga: “Het akkoord gaat voorbij aan de afspraken over de bilocatie van de lerarenopleiding.” It heareakkoart loste dus neat op. It like just in probleem te skeppen want de striid om it behâld fan de skoallen yn Boalsert en Grins bruts út dalik nei it heareakkoart.Sjoch ûnder mear ‘Elzenga wil strijden voor Herenakkoord’, Leeuwarder Courant, 30 jannewaris 1991, s. 19; ‘Actiegroep tegen verhuizing Ubbo Emmius’, Nieuwsblad van het Noorden, 29 augustus 1989, s. 1; Pieter Bergstra, ‘In Groningen worden messen geslepen’, Nieuwsblad van het Noorden, 29 augustus 1989, s. 17; ‘Vereniging neemt juridische stappen tegen ‘herenakkoord’’, Leeuwarder Courant, 22 septimber 1989, s. 13; ‘Groningen roert zich weer tegen hbo-uitruil’, Leeuwarder Courant, 15 febrewaris 1990, s. 1; ‘Opnieuw actie Groningen tegen plan ‘herenakkoord’’, Leeuwarder Courant, 15 febrewaris 1990, s. 17; ‘Studenten Ubbo willen heropening van herenakkoord’, Leeuwarder Courant, 27 maart 1990, s. 17; Atze Jan de Vries, ‘Het Van Hall was altijd al tegen Friesland’, Leeuwarder Courant, 6 juny 1992, s. 17; en ‘Docenten en studenten lerarenopleiding willen niet naar Leeuwarden’, NRC, 6 april 1990, http://www.nrc.nl/handelsblad/1990/04/06/docenten-en-studenten-lerarenopleiding-willen-niet-6927229.

Wêrom skuorde Wiegel dan alle kultuer út Ljouwert wei? It giet hjir, foar alle dúdlikheid, om in persoan dy’t yn syn lange politike libben mei goed fyftich funksjes en aktiviteiten gjin inkelde keunst- of kultuerrelatearre taak útfierd hat.Sjoch ‘H. (Hans) Wiegel’, Parlement & Politiek, krigen 19 feb. 2016, http://www.parlement.com/id/vg09llcz55yq/h_hans_wiegel. It feilichste is dêrom om gjin rasjonaliteit oangeande syn beslút oer de Fryske kultuer te ferwachtsjen—as der al in doel wie, wie dat in kommersjelenien. Ta yllustraasje, toulûken, by de âlde Griken militêre trening likegoed as sport, wie fan 1908 oant 1920 in ûnderdiel fan de Olympyske Spilen. Ferline jier is in oanfraach by Olympyske Kommisje (IOC) dien foar it opnij opnimmen, dêr’t de betingsten fan binne dat de sport “must be popular with young people, give momentum to Tokyo 2020 and meet IOC standards.”‘Olympic Games: Bridge, chess & tug of war apply for 2020 inclusion’, BBC, 12 juny 2015, http://www.bbc.com/sport/olympics/33109003. Merk op dat dat alle trije bûtensportive kritearia binne; it kearndoel is Tokyopromoasje (wêr wachtet de Kulturele Haadstêdorganisaasje op en set toulûken tusken Ljouwert en Grins op it programma). En no Wiegel.

“De landbouwhogeschool wilden wij graag naar Friesland” en dêrby dan de hegere hotelskoalle dy’t it it ryk pland hie yn Swol, sei Wiegel, mar ruilobjekten wiene der amper, “Ik had alleen het Frysk Orkest.”Rob Leemhuis, ‘Niemand wist van het Herenakkoord, behalve Wiegel’, LC+, 16 jannewaris 2016, http://www.lc.nl/plus/Niemand-wist-van-het-Herenakkoord-behalve-Wiegel-21115388.html. Dat ferklearret nei 27 jier wêrom’t Wiegel sa lilk wie doe’t it Frysk Orkestbestjoer, ek yn ’t geheim, sels al begûn wie mei it oerheveljen nei Grins:‘Wiegel woedend op Sjoerdsma’, Nieuwsblad van het Noorden, 22 febrewaris 1989, s. 13. dêr giene syn lêste spegeltjes en kraaltsjes. Op haren en snaren koe Wiegel de kulturele ierlitting trochgean litte: “Ik dacht toen: blijft het een mooie, wat brave provinciehoofdstad, of gaat het nog wat bruisen? Kijk eens wat voor instituten die hogescholen zijn geworden. De stad is veel levendiger geworden. Het was deels een gok, maar ik ben er heel tevreden over.”Rob Leemhuis, ‘Niemand wist van het Herenakkoord, behalve Wiegel’, LC+, 16 jannewaris 2016, http://www.lc.nl/plus/Niemand-wist-van-het-Herenakkoord-behalve-Wiegel-21115388.html.

Oer fjirtjin dagen mear oer brûzjende dekadinsje!

Noaten

  1. Warskôging fan beide kommissarisen fan de Keninginne. Henk Vonhoff drige mei “take it or leave it” op de gearkomste fan de Deputearre Steaten fan Grins op 21 febrewaris 1989. ‘Agrarische Hogeschool in Groningen behouden’, Nieuwsblad van het Noorden, 22 febrewaris 1989, s. 9. En Wiegel warskôge sa de Ljouwerter gemeenterie; hy lei út: “Maar wie nu gaat zeggen: het feest moet maar niet doorgaan want wij willen meer, die is uiteindelijk ook verantwoordelijk voor de consequenties van die opstelling.” Harm Harkema, ‘‘Wie dit bod afwijst ook voor gevolgen verantwoordelijk’’, Leeuwarder Courant, 18 febrewaris 1989, s. 13.
  2. Rob Leemhuis, ‘Niemand wist van het Herenakkoord, behalve Wiegel’, LC+, 16 jannewaris 2016, http://www.lc.nl/plus/Niemand-wist-van-het-Herenakkoord-behalve-Wiegel-21115388.html.
  3. Sitaat fan boargemaster fan Ljouwert John te Loo. ‘Ruilhandel onthutst gemeenteraad’, Leeuwarder Courant, 18 febrewaris 1989, s. 13. Sjoch ek ‘PvdA interpelleert in gemeenteraad over herenakkoord’, Leeuwarder Courant, 3 maart 1989, s. 15.
  4. Sels de oprop fan de Vrienden van het Frysk Orkest om de Steateleden mei de tillefoan of in brief dúdlik te meitsjen dat it Frysk Orkest net ferdwine mei, late net ta grôtfolle brievebussen en readgleaune tillefoans. ‘Boze, verdrietige en milde reacties bij Statenleden’, Leeuwarder Courant, 24 febrewaris 1989, s. 6.
  5. Dolf Rogmans, ‘Wiegel: ‘We bespraken alles met LC’’, Villamedia, 25 septimber 2009, https://www.villamedia.nl/artikel/wiegel-we-bespraken-alles-met-hoofdredactie.
  6. Rob Leemhuis, ‘Niemand wist van het Herenakkoord, behalve Wiegel’, LC+, 16 jannewaris 2016, http://www.lc.nl/plus/Niemand-wist-van-het-Herenakkoord-behalve-Wiegel-21115388.html.
  7. Hans Blokland, ‘Nederland schreeuwt om beschaving’, Rekto Verso 45 (2011), http://www.rektoverso.be/artikel/nederland-schreeuwt-om-beschaving.
  8. Rob Leemhuis, ‘Niemand wist van het Herenakkoord, behalve Wiegel’, LC+, 16 jannewaris 2016, http://www.lc.nl/plus/Niemand-wist-van-het-Herenakkoord-behalve-Wiegel-21115388.html.
  9. ‘FO en conservatorium weg, concertzaal en hbo retour’, Leeuwarder Courant, 18 febrewaris 1989, s. 1.
  10. Oannommen is wol dat Wiegel yn 1982 efter de protestaksje It Frysk Orkest moat Bliuwe! stie, dêr’t er de hantekeningen foar yn ûntfangst naam. De beskriuwing fan in foto fan de Leeuwarder Courant fan 7 septimber 1982 docht lykwols tinken dat der inkeld retoryk wie: “Het wegtrekken van een doek, de eerste officiële daad van Commissaris der Koningin in Friesland, Hans Wiegel. Hiermee opende de CdK. de nieuwe Evenementenhal, een onderdeel van de Frieslandhal te Leeuwarden. (...) De aanwezigheid van het Frysk Orkest bij deze gebeurtenis verleidde de CdK. tot de uitspraak dat de bezuinigingsplannen t.a.v. dit orkest “overboord” horen te worden gegooid.” Beskriuwing foto 35541, http://collections.tresoar.nl/cdm/ref/collection/TRLffa/id/40816.
  11. Elles Bulder, ‘Zorg, onderwijs, cultuur en vermaak’, yn Stad van het noorden: Groningen in de twintigste eeuw, red. Maarten Duijvendak en Bart de Vries, 489-524 (Assen: Van Gorcum, 2003), s. 516; ‘Brinkman voert nu alvast akkoord over orkesten uit’, Leeuwarder Courant, 24 febrewaris 1989, s. 6. Minister Brinkman fan Kultuer stjoerde op 23 febrewaris al in brief nei it Frysk Orkest dat er op 1 septimber 1989 útfiering jaan soe oan de fusy fan de orkesten FO en NFO. Hy wachte de taseine útwurking fan it heareakkoart troch Deputearre Steaten net ôf, mar hie in eigen plan.
  12. ‘FO en conservatorium weg, concertzaal en hbo retour’, Leeuwarder Courant, 18 febrewaris 1989, s. 1: “Dit ‘totaalpakket”, waaraan het rijk ruim ƒ 76 miljoen wil bijdragen, moet een einde maken aan jaren getouwtrek tussen beide provincies.”
  13. Harm Harkema, ‘‘Wie dit bod afwijst ook voor gevolgen verantwoordelijk’’, Leeuwarder Courant, 18 febrewaris 1989, s. 13.
  14. Foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, Dr. T.H.J. Stoelinga: “[E]en motivering voor de gemaakte keuzes ontbreekt nog steeds.” ‘Bestuursvoorzitter NHL ageert nogmaals tegen ‘herenakkoord’’, Nieuwsblad van het Noorden, 4 septimber 1989, s. 9.
  15. Wol is der stúdzje nei de effekten fan de Schaalvergroting, Taakverdeling en Concentratie-operaasje (STC-operatie) fan 1986, fan Thomas K. Niaounakis, Productiviteitstrends in het hoger beroepsonderwijs: Een empirisch onderzoek naar het effect van de regulearing op de productiviteitsontwikkeling tussen 1975 en 2010, 2012, www.tbm.tudelft.nl/uploads/media/M76921-3HBOrap_def.pdf. Al mei al is it maatskiplik belang fan de hbo folle grutter wurden; it is yn de ôfrûne desennia útgroeid ta ien fan de grutste leveransiers oan de arbeidsmerk. Neist de foar it meastepart positive produktiviteitsgroei yn de jierren njoggentich lit dat it effekt fan de operaasje as positiyf sjen. In kanttekening fan de stúdzje is dat dy gjin rekken hâldt mei de kwaliteit fan de ûnderwiis en de ôfjûne diploma’s (s. 14-15). Ek bliuwe by de stúdzje urban progress & wellbeing-faktoaren bûten beskôging.
  16. It heareakkoart omfette ek it foarmjen fan it Noord Nederlands Orkest en Ljouwert krige ƒ 21,5 miljoen foar it opknappen fan de Westertsjerke en de nijbou fan in skouboarch.
  17. Minister van Onderwijs en Wetenschappen, Definitief oordeel over de voorstellen voor de schaalvergroting, taakverdeling en concentratie in het hoger beroepsonderwijs, Brief van de Minister van Onderwijs en Wetenschappen, Aan de Voorzitter van de Tweede kamer der Staten Generaal, 18 094, nr. 11, 2 jan. 1986, http://resolver3.kb.nl/resolve?urn=sgd%3Ampeg21%3A19851986%3A0002571Tweede Kamer, vergaderjaar 1985-1986; ‘Bestuursvoorzitter NHL ageert nogmaals tegen ‘herenakkoord’’, Nieuwsblad van het Noorden, 4 septimber 1989, s. 9: Foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, Dr. T.H.J. Stoelinga: “Het akkoord gaat voorbij aan de afspraken over de bilocatie van de lerarenopleiding.”
  18. Sjoch ûnder mear ‘Elzenga wil strijden voor Herenakkoord’, Leeuwarder Courant, 30 jannewaris 1991, s. 19; ‘Actiegroep tegen verhuizing Ubbo Emmius’, Nieuwsblad van het Noorden, 29 augustus 1989, s. 1; Pieter Bergstra, ‘In Groningen worden messen geslepen’, Nieuwsblad van het Noorden, 29 augustus 1989, s. 17; ‘Vereniging neemt juridische stappen tegen ‘herenakkoord’’, Leeuwarder Courant, 22 septimber 1989, s. 13; ‘Groningen roert zich weer tegen hbo-uitruil’, Leeuwarder Courant, 15 febrewaris 1990, s. 1; ‘Opnieuw actie Groningen tegen plan ‘herenakkoord’’, Leeuwarder Courant, 15 febrewaris 1990, s. 17; ‘Studenten Ubbo willen heropening van herenakkoord’, Leeuwarder Courant, 27 maart 1990, s. 17; Atze Jan de Vries, ‘Het Van Hall was altijd al tegen Friesland’, Leeuwarder Courant, 6 juny 1992, s. 17; en ‘Docenten en studenten lerarenopleiding willen niet naar Leeuwarden’, NRC, 6 april 1990, http://www.nrc.nl/handelsblad/1990/04/06/docenten-en-studenten-lerarenopleiding-willen-niet-6927229.
  19. Sjoch ‘H. (Hans) Wiegel’, Parlement & Politiek, krigen 19 feb. 2016, http://www.parlement.com/id/vg09llcz55yq/h_hans_wiegel.
  20. ‘Olympic Games: Bridge, chess & tug of war apply for 2020 inclusion’, BBC, 12 juny 2015, http://www.bbc.com/sport/olympics/33109003.
  21. Rob Leemhuis, ‘Niemand wist van het Herenakkoord, behalve Wiegel’, LC+, 16 jannewaris 2016, http://www.lc.nl/plus/Niemand-wist-van-het-Herenakkoord-behalve-Wiegel-21115388.html.
  22. ‘Wiegel woedend op Sjoerdsma’, Nieuwsblad van het Noorden, 22 febrewaris 1989, s. 13.
  23. Rob Leemhuis, ‘Niemand wist van het Herenakkoord, behalve Wiegel’, LC+, 16 jannewaris 2016, http://www.lc.nl/plus/Niemand-wist-van-het-Herenakkoord-behalve-Wiegel-21115388.html.

Foaropwurd 2.3

Fers2, 14 febrewaris 2016

Kultuerferlies I: Frije kar

image

Johannes Beers, op Y-skrift 10 febrewaris, hat wiswol gelyk: hjoed is ús lêste kâns om kultuerpessimistysk te wêzen! Moarn is it te let want dan ha wy gjin kultuer mear. Sa is it. Pieter Breuker besiket it wol oan te fjochtsjen, yn in kommentaarke, mar earst is it artikel dat tsjinnet as syn bewiis basearre op in ûnjildige riddenearring. As se yn foarbije ieuwen geregeld foarseinen dat minsken fleane koene mar dat kaam nea út, folget dêr net út dat wa’t hjoed itselde seit ek ûngelyk hat. It ferskil is ûntjouwing fan kennis en behearsking oer ús kondysje. Ergo, as minsken earder hieltyd seine dat it Frysk nei beppe’ kelder gie mar dat barde net, betsjut dat net dat de takomst fan it Frysk net te foarsizzen falt om’t taal syn eigen gong giet. Twad is Breuker syn goerie stridich mei syn ûnwiere konklúzje. Want as it Frysk dochs syn eigen gong giet, hoe kin der dan in effektyfste Fryske taalbefoardering wêze? Tred, as dy remeedzje is om Frysktalige bern te fokken: witte wy net fan de withoefolle mislearre nasjonalistyske taaleksperiminten dat it of net helpt of fierstente hege offers freget as de ThoughtPolice der op tasjocht dat de nijmakke ûnderdienen Newspeak sprekke?

Ja, dat witte wy bêst! Better as de taalplysje is dêrom faaks de taalpsycholooch, sa is de útkomst fan in kaderkursus foar riedsleden ôfrûne wike. Op haren en snaren betochten de riedsleden dat wy in grûnwet hawwe, om krekt te wêzen dat yn in frij lân de minsken frij binne om de taal te sprekken dy’t se wolle en ek om it úthingboerd boppe har winkel yn de taal fan har kar te spikerjen, yn Fryslân gewoanlik it Ingelsk. Dêrnei betochten se, neffens It Nijs: “Wy meie fan minsken dy’t har yn dizze provinsje deljouwe, freegje dat se it Frysk wol passyf behearskje.” Dat dat net mei kaam net op it aljemint. Wêrom ommers. De yn it Tredde Ryk ûntwikkele psychologyske programma’s om minsken ûnbewust mar út frije wil nei it gaadlike gedrach te stjoeren (“troch sjen te litten wat in rykdom it is om yn sa’n blommegreide fan talen libje te meien”), wiene sa effektyf dat de CIA nei de oarloch daliks de nazipsychologen nei Amearika helle. De riedsleden fergetten it Hânfêst, laken om de konvenanten, dronken in gleske. En ûnderwilens gie opnij mear kultuer ferlern.

It UIT!Festival fan Ljouwert (tenei UL) giet dit jier net troch. Dêr makke nimmen him drok om. Yn itselde wykein is de Uitmarkt yn Amsterdam, mei deselde doelen as it UL. Tinke wy, want de UL-organisaasje is like dizich oer it doel fan it evenemint as oer it ôfsizzen derfan. Gewoanlik binne de doelen it fuortsterkjen fan it kulturele libben troch publykswinning en -foarljochting en it jaan fan in foarpriuwke, plus it delsetten fan de lokaasje as it sintrum fan kultuer. Dêr hoege jo gjin lêst fan te hawwen. Jo lizze yn it waarme gers fan, yn myn gefal, it Museumplein mei in flesse wite wyn en jo sjogge, tusken in pear fersprate hikken troch, hoe’t backstage in eardere beminde wurk makket fan in fierstente jong objekt wylst fierderop it Cirque du Soleil syn poadium tariedt en as de amoureuze taneiering mislearret belibje jo jo momint fan gloarje—wat kinne jo dy city marketing-doelen skele.

In oare saak is de reden dat UL net trochgiet. Neffens de UL-webside is it oermacht: de gemeente Ljouwert wol graach mar kin net de bydrage jaan dy’t er de lêste jierren joech om UL grut te meitsjen. It Kulturele Haadstêdjild kin net mear oan UL jûn wurde lykas earder om’t Leeuwarden-Fryslân-2018 him rjochtsje moat op nasjonale en ynternasjonale aktiviteiten. Sûnder dy grutte strukturele subsydzjejouwers sille de oanfoljende fûnsen ek minder jaan. De tiid is te koart om nei ekstra jild te sykjen. UL kin net lytsskaliger as neffens de begrutting fan 140.000 euro om’t it yn de ôfrûne jierren in te grutte groei trochmakke hat. Koartsein, it finansieren fan city marketing falt ûnder natuerwetten lykas E = mc2, neat oan te dwaan.

Op deselde dei as it nijs oer UL kaam it nijs dat de Steatefraksje fan de FNP “ferbjustere” is oer jildstreamen fan it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN), in klup dy’t partijen fasilitearret om de ekonomy fan Noard-Nederlân te ûntwikkeljen. It SNN sponsert gala’s en eveneminten, sels yn Brussel en De Haach. Dat heart net sa fynt de FNP en benammen net as alle kulturele subsydzjepotsjes ôfskaft binne om’t der gjin jild mear foar is en tsientûzenen Fryske húshâldens ûnder it sosjaal minimum libje. De FNP liket te tinken dat der gjin swiertekrêft fan De Haach út ûnûntwynber oan de gala’s lûkt. Se tinke dat it oars koe: dat it ôfbrekken fan keunst en kultuer en it negearjen fan de minima dy’t oanwiisd binne op fergese tagong ta museums en muzykskoallen it gefolch is fan... frije kar.

Dêr wiene wy effen stil fan. It Fryske kultuerferlies dat yn de trettjinde ieu al begûn doe’t de konkurrinsje fan de de Iselstêden dy’t de Hânze weromkrong, wie dat no frije kar? En it feit dat yn de dêrop folgjende ieuwen de Frjentsjerter Hegeskoalle, de tsjerke en de skoallen gjin war diene om de taal te bewarjen? En it Nederlânsk nasjonalisme fan de stimrjochtigen ûnder it sensuskiesrjocht? En de romantyk dy’t de soarch foar de eigen kultuer de bloed&boaiemkant opdreau, wat efkes letter ta it ferdylgjen fan dy kultuer late? En healwei de ferline ieu de te hege druk dy’t it wer opbouwen fan de kultuer lei op de provinsjale begrutting? En resint it Heareakkoart? En de ryksbesunigingen op kultuer nei de finansjele krisis fan 2008, dy’t de provinsje net opfangt? En it fierdere ôfbrekken fan de kultuer om’t de Kulturele Haadstêd deroan komt: soe dat allegearre frije kar west ha?

Us tiidline kultuerferlies begjint net yn de sechsde ieu, hoewol’t de Fryske kultuer doe libben en krêftich wie en by steat om fan de Noardseekust út djip yn it ryk fan de Merovingen troch te kringen—ûnder twang en mei geweld fansels, want psycholooch en plysje binne fan âlds in wichtich aspekt fan de Fryske kultuer. Us tiidline begjint as der om kultuer gjin bloed mear fergetten wurdt, yn 1958. De Encyclopedie van Friesland ferskynt dan, mei in haadstik ‘Culturele problemen’:

“Zeer nadelig voor Friesland is het feit dat het te ver van het westen, van ‘randstad Holland’ af ligt. Daardoor worden bijv. de studiemogelijkheden veel kleiner en bovendien duurder. Dit klemt vooral door het ontbreken van een universiteit en het betekent zowel cultureel als economisch een zware handicap. Door concentratie van hogere culturele instellingen in bepaalde gebieden, die economisch reeds de sterkste zijn, genieten deze nog eens extra-voordelen, of anders gezegd: de zwakste gebieden krijgen nog eens zwaardere lasten te dragen.”

Nei in lange passaazje fol sifers dy’t dy útspraak ûnderbouwe, is de konklúzje:

“Dat alles legt in economisch opzicht dus zware offers aan deze prov. op en betekent in feite een achterstelling. Die zien we ook op het gebied van de [rijks]subsidies voor muziek, opera, toneel enz. (…) Maar behalve universitair onderwijs is er dringend behoefte aan hogere opleiding voor muziek, een toneelschool, een kunstnijverheidsschool.”

In like driuwend ferlet bestie der lykwols oan it opnij skriuwen fan de Encyclopedie. Op 30 maart sil dy der wêze en de oankundiging fan útjouwerij Bornmeer en opdrachtjouwer Tresoar koe hast net mear sinister klinke: “De encyclopedie opnieuw uitgevonden.” Wit immen noch hoe’t de partij yn Orwells Nineteen eighty-four Winston en syn kollega’s alle dagen de âlde krante opnij skriuwe lit? Se passe it ferline oan it no oan om de wrâld begryplik te meitsjen foar de minsken. It soe fragen oproppe as saken yn it no net bestean, mar earder wol, of just as it der earder ek net wie, mar wol it stribjen dernei; om’t idealen fertiizje meitsje se ‘updated’ fersys fan gedichten.

Aansent geane it Heareakkoart, it kultuerrezjym fan Jannewietske en de oarspronklike idealen efter de Kulturele Haadstêd de ‘updated’ histoarje yn as net oan te ûntkommen, of wurde foargoed út ús kollektive ûnthâld skrast foar ús goederbêst. En witte jo noch hoe’t it ôfrûn mei Winston? Nei’t er sa moedich sein hie, “Being in a minority, even a minority of one, did not make you mad. There was truth and there was untruth,” learde er út frije kar om fan Big Brother te hâlden.

Oer fjirtjin dagen mear oer it Heareakkoart!

Foaropwurd 2.2

Fers2, 31 jannewaris 2016

Earlikheid

image

Yn de Ljouwerter Krante fan ôfrûne woansdei stie in opmerklik berjocht.Sietse de Vries, ‘Sutelaksje nije styl past by Fryske ynfrastruktuer’, Leeuwarder Courant, 27 jannewaris 2016, 28. De jûn derfoar soene skriuwers yn debat gean oer in fraachstelling oer earlikheid, mar it debat gie net oer earlikheid. Wêrom fertelt it artikel net. In mooglikheid is dat der gjin skriuwers oanwêzich wiene om yn debat te gean. Op sokke debatjûnen komme gewoanlik bewegers ôf en gjin keunstners. In oare ferklearring is dat fragen net perfoarst ta debat liede. En foar spontane beändering is de fraach yn kwestje, ‘is it spylfjild foar de Fryske literatuer earlik?’ te moreel fan aard en foar kontimplaasje te min konkreet. Debatten geane út fan skerpe stellingen. Dus ‘it spylfjild foar de Fryske literatuer is goudearlik’, soe opinys oproppe moatte. Want yn it foarste plak is it stridich mei de wierheid. Mar wacht, soe it sa west ha dat de omkearde stelling, ‘it spylfjild foar de Fryske literatuer is net earlik’, gjin opinys útlokke?

Spylfjild is in gongbere metafoar foar gelikense kânsen, yn de sin fan gelykheid foar de wet en yn meritokratyske sin fan lean nei wurkjen, of foar gelikense konkurrinsjebetingsten, mei optimaal meitingjen en sûnder yngripen fan bûtenôf. Yn de formele teory fan gelykheid fan kânsen betsjut in gelikense kâns dan: gelikense prosedueres. Al is de útkomst ûngelyk en sil der mar ien winner wêze, alle maratonrinners ha deselde startstreek en itselde parkoers en moatte har oan deselde regels hâlde. Yn de substantive teory betsjut in gelikense kâns dat alle potinsjele maratonrinners deselde kâns ha om meirinne te kinnen. In gelikense proseduere makket ommers noch net dat elts yndividu in gelikense mooglikheid hat om syn kânsen te gripen, dus tusken dy twa teoryen is debat. De earlikheid fan in spylfjild is iepen konkurrinsje sûnder monopolys en foarlûkerij: elkenien krijt in gelikense behanneling by it oanfreegjen fan in skriuwbeurs, of it produkt dêr’t op de frije merk de measte fraach nei is ‘wint’.

Om dy lêste definysje fan earlik spylfjild is in debat deroer net populêr. Op de frije merk is sa goed as gjin fraach nei gedichten en oare foarmen fan hege literatuer en noch minder nei Fryske oersettingen fan materiaal dat yn it Nederlânsk beskikber is. De Fryske literatuer is folslein oanbodrjochte; it stiet op de plank. De provinsje bewekket dy plank swier sadat de konkurrinsje it Fryske oanbod net mei ien haal oan ’e kant feie kin. Dy folsleine beskutting is katastrofaal foar de kwaliteit fan de keunst. Mar der is gjin skriuwer dy’t der feroaring yn bringe wol, want it jout har in ynkommen en status. Al earder ha wy wiisd op parallellen mei Trotsky syn beskriuwing fan de Stalinistyske situaasje dêr’t wittenskip, parse en keunst har ta propaganda redusearre ha. Dat diene wy doe mei hoedenens, mar no iepenlik. Want like ûnferhoalen pappegaait Omrop Fryslân syn earbetoan oan ús grutte lieders, mienend dat de claque altyd beleanne wurdt.Goos Bies, ‘Omrop Fryslân merkt dat het Fries steeds beter gelezen wordt.’ Friesch Dagblad, 30 jannewaris 2016, 24-25. Troch syn taalpraktyk soe Omrop Fryslân sels de oarsaak wêze fan de geunstige útkomst fan it taalûndersyk fan de Fryske Akademy, dat noch lang net klear is en dêr’t de útkomsten dus hielendal net fan fêst stean kinne. Yn yn alle gefallen soe de empiry by Omrop Fryslân dy takomstige útkomsten bewize. Nammentlik dat Fryske siden op Omrop Fryslân ‘liked’ wurde lit sjen, neffens Omrop Fryslân, dat minsken better Frysk skriuwe. En dat de Nederlânsktalige siden, dy’t inkeld berikt wurde kinne fia de Frysktalige side fan itselde berjocht, minder besocht wurdt as de Fryske tagongssiden, “jout oan dat it Frysk lêzen wurdt.” Merk de parallel op mei de publikaasje yn de Izvestia, de offisjele steatskrante, op 27 april 1938, fan in skilderij dêr’t Stalin op stie as de organisator fan de Tiflis-staking yn maart 1902, in ôfbylding dy’t betelle wie mei steatsjild; al gau die bliken dat Stalin op dat stuit yn de finzenis siet en net yn Tiflis mar yn Batum. (Leon Trotsky, ‘Art and Politics in Our Epoch’ [Partisan Review 18 juny 1938], Leon Trotsky Internet Archive 2003 <https://www.marxists.org/archive/trotsky/1938/06/artpol.htm> [lêste wiziging 12 septimber 2015].) It ferskil is dat de Izvestia de publikaasje weromlûke moast, om’t de feiten net bestiene, mar dat sa’t it liket gjin minske fan Omrop Fryslân ferwachtet dat dy besteande feiten as nijs bringe. En ûngesjeneard kamen op de debatjûn de útstellen nei foaren om de frijheid fan ekspresje, neffens Trotsky en Fers2 it alfa & omega fan in libbene keunst, oan bannen te lizzen. Fryske bewegers koene tenei de stikken foar Tryater wol skriuwe, of, as dat net holp, koe men de Fryske skriuwers mei-inoar opslute.De Vries, ‘Sutelaksje nije styl past by Fryske ynfrastruktuer.’ Utstel fan Skriuwersbounlid, resp. Skriuwersbounfoarsitter. Stalin fûn ek dat totalitêre oplossingen earlikheid garandearren.

Mar ho, wa hat eigentlik om in garânsje fan earlikheid frege? Lykas de measte simpele maatskippijen fielt ek de Fryske minymaatskippij him folle nofliker by it net earlik fertellen fan de wierheid. It net fertellen fan de wierheid hat yn polityk en bedriuwslibben fan âlds in hege foarm fan akseptaasje. Grûnlizzer fan ’e politike teory Machiavelli wie de alderearste dy’t by de ferbjustere machthawwers oan kaam mei it ûnderwerp ‘de wierheid’ en warskôge dat it bestjoeren misrint as autoriteiten net mear earlik rapportearje wat der te rêden is yn it lân. Echt wier, dat hat er opskreaun. Hy koe dêr neat oan dwaan. Hie er in reiske nei Ljouwert makke dan hie er better witten. In wiere Fries rapportearret net de wierheid. Dat is histoarysk, Grutte Pier syn soldaten fertelden him ‘Bûter, brea en griene tsiis’ en de Fryske Akademy fertelt likernôch datselde oan de Provinsje (wa’t dat net skriuwe kin is gjin oprjochte Fries), ek al witte dy wol better. En Fryslân bloeit as nea tefoaren!

Noaten

  1. Sietse de Vries, ‘Sutelaksje nije styl past by Fryske ynfrastruktuer’, Leeuwarder Courant, 27 jannewaris 2016, 28.
  2. Goos Bies, ‘Omrop Fryslân merkt dat het Fries steeds beter gelezen wordt.’ Friesch Dagblad, 30 jannewaris 2016, 24-25. Troch syn taalpraktyk soe Omrop Fryslân sels de oarsaak wêze fan de geunstige útkomst fan it taalûndersyk fan de Fryske Akademy, dat noch lang net klear is en dêr’t de útkomsten dus hielendal net fan fêst stean kinne. Yn yn alle gefallen soe de empiry by Omrop Fryslân dy takomstige útkomsten bewize. Nammentlik dat Fryske siden op Omrop Fryslân ‘liked’ wurde lit sjen, neffens Omrop Fryslân, dat minsken better Frysk skriuwe. En dat de Nederlânsktalige siden, dy’t inkeld berikt wurde kinne fia de Frysktalige side fan itselde berjocht, minder besocht wurdt as de Fryske tagongssiden, “jout oan dat it Frysk lêzen wurdt.” Merk de parallel op mei de publikaasje yn de Izvestia, de offisjele steatskrante, op 27 april 1938, fan in skilderij dêr’t Stalin op stie as de organisator fan de Tiflis-staking yn maart 1902, in ôfbylding dy’t betelle wie mei steatsjild; al gau die bliken dat Stalin op dat stuit yn de finzenis siet en net yn Tiflis mar yn Batum. (Leon Trotsky, ‘Art and Politics in Our Epoch’ [Partisan Review 18 juny 1938], Leon Trotsky Internet Archive 2003 <https://www.marxists.org/archive/trotsky/1938/06/artpol.htm> [lêste wiziging 12 septimber 2015].) It ferskil is dat de Izvestia de publikaasje weromlûke moast, om’t de feiten net bestiene, mar dat sa’t it liket gjin minske fan Omrop Fryslân ferwachtet dat dy besteande feiten as nijs bringe.
  3. De Vries, ‘Sutelaksje nije styl past by Fryske ynfrastruktuer.’ Utstel fan Skriuwersbounlid, resp. Skriuwersbounfoarsitter.

Foaropwurd 2.1

Fers2, 18 jannewaris 2016

As muzyk yn de earen

Oer de betingst foar Frysk literatuerbelied

image
Brân Chicago Public Library (Foto E. Jason Wambsgans / Chicago Tribune)

De technology hat de doar wiid iepen set foar elkenien dy’t himsels skriuwer neamt. Googleje mar nei Frysk gedicht en: “Yn it stilst fan ’e nacht / klinkt dyn herteklop / as muzyk yn ’e earen.” De kar is hast ûneinich, it ynternet jout net de yndruk dat de Fryske literatuer bedrige wurdt mei útstjerren. Dochs sit yn ús holle dat literatuer sa kostber is dat it beskerme wurde moat. Fryslân docht dat. Maatregels om de literatuer te beskermjen bestean út it oprjochtsjen en yn stân hâlden fan kulturele ynstituten dy’t meitsje dat de boarger fan de kultuer genietsje kin (“partisipearje”), it promoatsjen fan Frysktalige boeken dy’t al op de merk binne, it oersetten en bewurkjen fan besteande literatuer en it skriuwen fan in nij jeugdboek, toanielstik, wittenskiplik wurk of earste boek.

It grutste part fan de provinsjale stipe is dus postproduksje. Foar wa’t him ôffreget oft de beskerming fan de literatuer dan net wat let yn it proses komt, googleje fierder en jo sille útfine: neat nijs ûnder de sinne. Sei net Samuel Johnson, de skriuwer fan it Ingelske wurdboek, yn 1755 tsjin syn mesenas: “Is not a patrons my lord, one who looks with unconcern on a man struggling for life in the water, and, when he has reached ground, encumbers him with help?”

Healwei de njoggentjinde ieu, mei de komst fan boargerlike maatskippij & kapitalistyske ekonomy en mei de yntree fan massapublyk en massakonsumpsje, ferskode yn de westerske wrâld it private mesenassysteem nei in systeem fan publike stipe. Gewoanlik wize oerheden op de ynherinte wearde fan keunst foar de maatskippij. Dat is in stridige útspraak, want in ynherinte wearde is in ûnskiedbere wearde dy’t net ôfhinklik is fan brûkberheid troch oaren en dus ônôfhinklik stiet fan nut yn de maatskippij. Oan it argumint fan de ynherinte wearde heakje se ta dat keunst de ekonomy stimulearret en de mienskip sûn en koherint makket, saken dêr’t min bewiis foar fûn wurde kin, en dat keunst de hoeder is fan kultuer en erfskip en dus de unike eigenheid fan de naasje trochjout oan de takomstige generaasjes fan boargers, wat in belang is dêr’t it ferlet dat derfan is net metten wurde kin. Al ik kin jo wol sizze dat myn bern net fol ûngeduld foar my stean, freegjend om de unike eigenheid fan Fryslân, of fan Amsterdam of Nederlân.

Mar it punt is dat net keunst op himsels it doel fan stipe is; it doel is de maatskippij. Dêrom komt de stipe let. Yn Fryslân komt dy somtiden sa let dat de keunstner der neat mear oan hat. Dit jier komt der in sammelbondel fan de dichter Tsjêbbe Hettinga, dy’t sa’t jo witte al jierren dea is.

De politykteoretyske legitimearring fan oerheidssubsydzje foar keunst is dat keunst foar de mienskip is (wit’ jo noch hoe’t de eksdeputearre fan kultuer nei it finansierjen fan har brûsplakken ynienen ‘mienskip’ woe?—dat wie foar it legitimearjen). Keunst is in publyk goed om’t keunst it maatskiplik wolwêzen ferheget en dus mear kar en kânsen jout oan alle boargers. Ut dy fundearring as publyk goed folget net dat de keunstner stipe wurdt; der folget keunstbelied út sadanich dat de boarger, fia de subsidiearre ynstituten, yn kontakt komme kin mei de keunst. Ut sok belied kin wer allerhanne projekten folgje. In opsje is bygelyks om in searje Fryske dichtersportretten út te stallen yn it Fries Museum en de ôfbylde lju 75 euro te jaan foar in gedicht oer har eigen portret, dat se presintearje op de iepening fan de útstalling. Dat stipet de portrettist mei exposure en mei it museum op syn CV, de dichters mei in fergoeding foar oardel oere wurk wylst in gedicht twa dagen kostet, wat har twingt om âld gelegenheidswurk opnij te presintearjen sadat de subsydzjejouwer net foar ferrassingen stiet, en it rêdt it Fries Museum, dat mei syn blockbuster-útstalling oer Alma Tadema syn mooglikheden foar 2016 útbrûkt hat, fan de reputaasjeskea of de ferliespost fan lege muorren.

Tweintich jier lyn stie oan de râne fan de Dapperbuert, doe noch de minboude folkswyk oan it begjin fan syn opkreazjen, in gebou mei in glêzen pui dêr’t wat wyk- of gemeentefunksjes yn sieten. Op in stuit hongen dêr portretten fan Marlene Dumas. Oars as by de foarnommen útstalling yn it Fries Museum ûntliene dy har wearde net oan de arrivé poëten dy’t model stiene, mar de krêftige autonome wurken litte ússels as minske sjen. Hoe’t se der kamen wit ik net, mar der is mar ien mooglikheid. Immen hat de wrâldferneamde keunstner gewoan frege oft er har wurk liene mocht om it op te hingjen tusken de minsken foar wa’t in museum in te hege drompel foarme en sy hat dêroan meiwurke. It projekt sil net mear koste hawwe as de fersekering en it wurke: elkenien seach dwerstroch de glêzen pui hinne de mear as in fjouwerkante meter grutte portretten goed genôch om der wat fan te finen.

As súkses, yn termen fan in massapublyk foar ‘hege keunst’—net foar ferdivedaasje—sa tichby leit, freget men him ôf wat of wa’t it doel eins is fan de útstalling yn it Fries Museum, mei syn diskriminearjend doarbelied troch de hege tagongspriis en folsleine ûnûntfanlikens foar it Frysk. Sadree’t keunst yn in de iepenbiere romte komt bart der wat mei. Dan begjinne, lykas yn it gefal fan de portretten fan Dumas, de ûnderskate lokaasje, de mienskipswearden en smaak en allerhanne ideeën oer wat goeie keunst is in rol te spyljen. Kulturele yngrepen op publike plakken wurde yngeander en op mear manieren ûndersocht as wurk dat yn de private sfear útstald wurdt. It beswier tsjin de portretútstalling yn it Fries Museum is net sasear dat de keunst dêr net langer in publyk goed is, ommers de portretútstalling hat in beskate eksklusiviteit, inkeld al troch de portrettearre figueren—mar dat de keunst him der weromlûkt ûnder it krityske each fan it publyk wei. Al lang foar’t it publyk yn aksje komme kin is in keunstskôging op rym fan in stikmannich befoaroardiele resensinten, want de dichters besjonge har eigen portret, publisearre yn in Frysk kultuerblêd dat gjin spul ha wol mei it Museum. It is net de earste en net de lêste kear dat keunst sa ferdwynt yn in net-krityske sfear.

Oer de dosiliteit fan ‘keunst’ seit Leon Trotsky: “Keunst, lykas wittenskip, siket net inkeld gjin befellen, mar kin, troch syn eigen essinsje, dy net tolerearje. Artistyk skeppen hat syn wetten—sels as it doelberet in sosjale beweging tsjinnet. Wiere yntellektuele skepping is net te ferienigjen mei leagens, hypokrisy en de geast fan konformiteit.” Trotsky hat in soad oer literêre keunst skreaun; literatuer ûnderskiedt him fan oare keunsten om’t er wurden brûkt. Wurden binne troch har aard ienheden fan represintaasje—in pirûette fan in dûnser is dat net. De yn teory ûneinige betsjuttingsrykdom fan in literêre tekst is, mei it feit dat in boek sawat yn de bûse past, in reden foar de eangst foar literêre keunst: krityk leit altyd op de loer. De roman stelt sels it probleem. Bygelyks wie de reïfikaasje fan de roman, dus dat it in ‘ding’ waard op de bourgeois salontafel, in nij probleem dat oplost wurde moast. Literatuer is nea in oplossing. In gedicht as nuete oplossing foar in iepening fan in tentoanstelling is dus gjin keunst; it is net mear as in effekt fan burokrasy. Burokrasy, faak as gefolch fan ynstitúsjonalisearring, smoart de keunst.

As it om keunst as keunst giet helpt keunstbelied, hoe goed bedoeld as it ek ‘in sosjale beweging tsjinnet’, net salang’t de besluten nommen wurde troch oerheidsfunksjonarissen yn ynstituten sûnder keazen fertsjintwurdiging. “Dichters, skilders, byldhouwers en musisy sille sels har eigen beneiering en metoaden wol fine,” skriuwt Trotsky. Yndie hawwe de keunstners om my hinne steat noch merk nedich om har hanneljen te stjoeren. Mar yn myn Dumas-foarbyld hie wierskynlik gewoan in amtner de saak regele. Dus, wa’t syn learzens al oanlutsen hie foar de permaninte revolúsje, jow jimme mar wer del: de betingst foar doelmjittich keunstbelied is net it stroffelje litten fan de steat mei syn ynstituten. De betingst is inkeld dat de macht fan de keunstner gelyk is oan dy fan de oerheid. Struktureel advys fan de keunstners oan de oerheid, meibeslisse en ynspraak binne in foarm fan keunststipe, en ien dy’t op ’e tiid komt. As it obstakel is dat de oerheid libbene keunstners net werkenne kin: set har keunst op ’e dyk. De tredde macht, dy fan it publyk, is perfekt by steat om keunst te ûnderskieden fan de commodities dêr’t de kultuer him mei oerspielt en fan ‘skientme’ dy’t allinne mar liked hoecht te wurden en nea enjoyed. Sy litte har neat wiismeitsje. Wy ek net. Wy ha ús learzens noch oan.