wynsen faber image

Folksskriuwerij en lokale elites yn de Lytse Bouhoeke

It dichterskip fan Wynsen Skeltes Faber (1830-1918)

Abe de Vries - Fers2 3.20, 10 desimber 2017

[H]y wie de dichter yn wierheit en natoer, him soe de doar iepene wurde kinne.Tjibbe Gearts van der Meulen, 1877

De Lytse Bouhoeke is yn it midden fan de njoggentjinde ieu in lytse wrâld. Drok ûnderling ferkear fan boeren, skoalmasters, dûmnys, smidden, timmer- en ferversbazen, masters bakker en masters skuonlapper. Faak koenen de lju inoar persoanlik, út ferhalen of troch hannel. Underoan stiene de arbeiders: it ûndissiplinearre wurkfolk. Froulju wiene foaral ûnsichtber. De grûnbesitters, meast út adel of stedske hegere boargerij, wennen earne oars. It libben wie yn ’e doarpen en op ’e buorrens. Bûtenút ûnder reidtek en pandak achter beamsingels, of by seedyk yn wrakke klinten. De natuer regearre it bestean en wie goederjousk of wreed neffens de tiid fan it jier. Folk dat de boer, de draaiskiif fan ’e plattelânsekonomy, op woe rûn hinne en wer tusken Arum, Achlum, Mullum, Winaam en Pitersbierrum.

1

Reinder Brolsma fytst yn 1947, in ieu letter, as skriuwer foar it Nieuwsblad van Friesland op dat lêste doarp oan, kommend fan de kant fan Winaam. It earste dat him yn ’t sin komt by it sjen fan de toer fan Pitersbierrum is in oantinken oan in njoggentjinde-ieuske Fryske dichter: ‘Hier woonde eertijds Wynsen Faber, de man die de Friese literatuur verrijkte met zijn weinig regels tellende gedichtjes, vol van humor.’Reinder Brolsma, ‘Door de Noorder bouw. Mensen en vruchten’, Nieuwsblad van Friesland (4 augustus 1947). Oare ôfleveringen 25 augustus 1947, 3 septimber 1947, 1 oktober 1947, 12 novimber 1947.

Dy’t it dichtwurk fan skoalmaster Wynsen Skeltes Faber (1830-1918) ken, en de muoite nommen hat om in lytse fjirtich teksten op te fiskjen út losse blêden en tydskriften – want syn gedichten binne noait yn boekfoarm útjûn, hoewol’t Faber fan 1901 ôf earelid fan it Frysk Selskip wie –, dy wit dat Brolsma tsjut op Faber syn dichterlike tajefte, de neirispinge ‘Pompierkladtjes’, letter koartwei ‘Kladtjes’. Dat binne de stikjes dy’t ferskynden yn it tydskrift Forjit my net fan it Frysk Selskip fan 1905 ôf (doe’t de dichter de 75 jier al berikt hie) oantemei 1914. It is in útinoar rinnende samling epigrammen, yn koartdicht en puntdicht, fan twa rigels oant trije strofen, meast mei in dúdlik didaktysk doel, om it folk mei foarbylden en warskôgingen op te fieden ta de deugd, de moed, it leauwe en it Frysk.

Foar it echte dichtersfjoer lykwols moat men by Faber in moai ein yn ’e tiid tebek, nei de gedichten út it begjin fan de fyftiger jierren (1849-1854). Dy publisearre er yn it tydskrift Iduna fan Harmen Sytstra, mar ek yn De Fryske Húsfreon fan Waling Dykstra en it jierboekje Swanneblommen fan it Frysk Selskip. Men treft sawol mear romantyske as mear realistyske fersen oan, sawol mimering as fermeits, sawol skildering as opfieding ta de deugd. De Fryske folkstaal syn gerak te jaan foar it dominante Nederlânsk oer is boppedat in net minder belangryk doel. Wat dat oanbelanget ferskilt it literêr stribjen yn ’e grûn net folle mei dat fan Sytstra of Waling Dykstra. Mar yn syn gedichten slacht er hoedener en dimmener toanen oan. Lykwols wit er bytiden ek it libben te fieren en komt syn lyrysk talint foar ’t ljocht. Praktysk en nofter skriuwt er meast, ‘stimmich, glêshelder en oarspronklik’, seit Piebenga derfan.Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (1e pr. 1938; Laverman, Drachten 1957) s. 165. Ut en troch komt er ek boartlik út ’e hoeke, mei in hast bernlike geast. De sosjale krityk yn de gedichten betreft it yndividualisme, dat it ‘eigen ik’ foaroan set, of rykdom en sûnens ferbrast yn idelheid of drank, en te min each hat foar de evenminske dy’t yn need, soarch en earmoed is.

Faber is folksskriuwerG.A. Wumkes, Bodders yn ’e Fryske striid (Boalsert, Osinga 1926) s. 388 pleatst him yn it rychje ‘meistriders en meiwurkers fen Waling Dykstra’ en ek Piebenga (1957) behandelet him yn it haadstik ‘Folksskriuwerij’. en dat betsjut yn de fyftiger jierren algemien-minsklike tema’s kieze en dy fersteanber en relevant meitsje foar de legere Frysktalige middenstân op it plattelân, mei wat romte noch dêrûnder.It brede, lytsboargerlike emansipaasjeproses yn Fryslân nei de boargerlike revolúsje fan 1848 wurdt beskreaun yn Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda. Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Fryske Akademy, Leeuwarden 1998). In njoggentjinde-ieuske Fryske folksskriuwer skriuwt, yn letterlike sin, folk-lore: gedichten en ferhalen dy’t it ferline en it reële libben fan it folk en syn gebrûken en oertsjûgingen konstruearje, sa’t hy tinkt dat it is en wêze moatte soe. Yn sokke skriuwerij wurde gauris de soargen en ambysjes fan ûnderlizzende sosjale groepen adressearre. Folkloare is dêrom, as kultuer fan subalterne groepen, per definysje maatskippijkritysk, neffens de Italjaanske filosoof Antonio Gramsci, om’t se net allinnich solidêr is mei de deprivearre groep mar ek siket nei feroaring, ferbettering, ferdjipping en organisaasje.Bruce Grelle, Antonio Gramsci and the question of religion. Ideology, ethics, and hegemony (Routledge, Londen/New York 2017) s. 35: ‘Gramsci most often used the term “folklore” to embrace the popular culture of subordinate groups in society and their interpretations of everyday experience at their own intellectual, moral, and religious level’. In nijsgjirrige behanneling fan Gramsci’s ideeën oer folkloare yn: Stephen Olbrys Gencarella, ‘Constituting folklore. A case for Critical Folklore Studies’, Journal of American Folklore 122-484. Spring 2009, s. 172-196. Dy twa gesichten hat, soe men dêr oan taheakje kinne, nammerste mear literatuer dy’t ek de ferhûddûke folkstaal sels, it Frysk, ta bloei komme litte wol.

Dat smyt de fraach op hoe’t de folksskriuwerij him presys ferhâldt ta it fjild fan ekonomyske, sosjale, kulturele relaasjes dat de grinzen oanjout fan wat publisearre wurde kin. Hoe lit njoggentjinde-ieuske Fryske literatuer, yn dit gefal it wurk fan Wynsen Faber, him beskriuwe as produkt fan maatskiplike machtsferhâldingen en alliânsjes, op makro- mar ek op mikro-nivo? Dêr wol ik yn dit artikel in antwurd op sjen te finen. Om’t wy Faber net mear kenne, begjin ik mei (paragraaf 2) in koarte biografy. Oer him en syn wurk is suver neat fan belang skreaun.Gerben Postma, ‘W. Faber, de Fryske skriuwer-dichter, 21 Aug. 1910 tachtig jier âld wirdend’, Leeuwarder Courant (22 augustus 1910); Gerben Postma, ‘1830-21 Aug. 1910 : de 80-jierrige folksfreon Wynsen Faber en syn oare helte, to Pitersbjirrum’, Sljucht en Rjucht 1910, s. 366-367, 369-371, 373-376; J.J. Hornstra, ‘Fryske skriuwers: Wynsen Scheltes Faber’, Fryslân 12 (1931) s. 17-21; Andries Stienstra, ‘Earnst en koartswyl. Wynsen Faber’, Frysk en Frij (13 septimber 1980). Dêrnei folgje (3) observaasjes oer syn gedichten út de perioade 1849-1854 en in dêroan relatearre skets (4) fan de geografyske, histoaryske en maatskiplike kontekst dêr’t se yn funksjonearren, of, oars sein, mooglik wienen. Foar ’t meastepart liberale en frijsinnige lokale elites fan de Lytse Bouhoeke spilen dêrby in belangrike rol, om’t se Fryske teksten lykas dy fan Faber net allinnich seagen as folksopfieding of folksfermeits, mar ek as bûnsmaat yn ’e striid tsjin de lânbesittende aristokrasy en de opkommende ortodoksy.

Ik wol útkomme by in nij teoretysk perspektyf op de folksskriuwerij (5), ûntliend oan kommunikaasjewittenskip en ‘critical folklore studies’ (Gencarella)Sjoch Stephen Olbrys Gencarella, ‘Constituting folklore. A case for Critical Folklore Studies’, Journal of American Folklore 122-484. Spring 2009, , s. 172-196, fierder bouwend op ûnder mear Dan Ben-Amos, ‘The seven strands of tradition. Varieties in its meaning in American Folklore Studies’, Journal of Folklore Research 21-2/3. Culture, Tradition, Identity Conference, March 26-28, 1984. May-December, 1984, s. 97-131. mar mei omtinken foar lokale koalysjefoarming tusken subalterne groepen en elites. Folksskriuwerij as aktyf hanneljen fan in sosjaal-ekonomysk en linguïstysk subalterne groep yn it midden fan de njoggentjinde ieu ferskynt as produkt fan in bredere maatskiplike koalysje: as in emansipatware, retoaryske, artistike, sosjale en krityske praktyk, rjochte op it konkrete libben en de belangen fan it ‘folk’, mar stipe en tastien troch lokale, sosjaal-dominante groepen dy’t oansprutsen waarden troch sawol de ‘Fryskens’ as de frijsinnich-liberale world view dy’t derút sprekt.

2

Wa is Wynsen Skeltes Faber? Hy wurdt berne yn 1830 yn Arum as soan fan de Arumer grofsmid Skelte Wynsen Faber (1800-1865) en de Pitersbierrumer ûnderwizersdochter Bottje Ulricks Lourens (1796-1838).Biografyske gegevens mei basearre op befolkingsargiven tagonklik fia <www.allefriezen.nl> en de yn noat 7 neamde literatuer. Har heit, de ûnderwizer Ulrik Hendriks Lourens (1757-1814), wie fan 1786 ôf oant syn dea skoalmaster yn Pitersbierrum, yn 1791 ek doarpsrjochter en yn septimber 1795 siktaris fan de ‘Wapen-Genootschappen, verenigd in het Bataillon van Barradeel’.Fryske Akademy, ‘Schoolmeesters te Pietersbierum’, Oud-Tzummarum en omstreken, g.d. Website: <http://www.oudtzummarum.nl/html/pietersbierum3967.htm>. Krigen 7 desimber 2017. Ulrik, Wynsen syn pake fan memmekant, hie dus yn ’e revolúsjetiid ta de patriottyske partij heard en hie dêr op lokaal nivo in belangrike spiler yn west. Syn soan Folkert Ulriks Lourens (1794-1857), in omke fan Faber, folge de heit op as boppemaster yn Pitersbierrum; Faber nimt yn 1855 it stokje fan him oer. Hy trout yn 1863 mei Folkert syn dochter Reintje (1833-1918), dus mei syn folle nicht. It houlik bliuwt sûnder bern.

Faber gie yn Arum nei skoalle by master Andries Pieters Meeter (1817-1889). Hy kin goed leare, mar heit wol him graach yn it smidsfak hawwe. Dat befalt him mar min, lykas in koarte eksersysje yn de ferverij. Uteinlik krijt er tastimming om fierder te learen. Hy wurdt kwekeling by master Meeter, dy’t folle letter troch J.J. Hornstra yn it Selskipsblêd Fryslân (1931) abusivelik oansjoen wurdt foar de skriuwer fan ytlike ferhalen en gedichten yn de Byekoer en Iduna. Dat wie yn werklikheid de Ljouwerter hûsûnderwizer – en koarte tiid bestjoerslid fan it Frysk Selskip – Andries Andries Meeter (1813-1855), in omke fan Andries Pieters. It is net ûnmooglik dat Faber syn Frysksinnichheid en kulturele belangstelling net yn earste ynstânsje opdie fan Harmen Sytstra en Tiede Dykstra, as de foaroanmannen fan Iduna en it Frysk Selskip, mar fan de Meeter-famylje en/of gewoan fan hûs út meikrigen hie. Syn omke Folkert wie ommers lid fan it Friesch Genootschap, sa’t Philippus Breuker meldt.Philippus Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875 (Wijdemeer, Leeuwarden 2014) s. 188.

Foar dat lêste tinken is ek wol mear reden. In nijsgjirrich feit dat by myn witten oan no ta net achtslein is, betreft de famyljerelaasje tusken Faber en de Achlumer skoalmaster dy’t Harmen Sytstra as learling hie, Ulrik Harmens Donia (1803-1876). Dy wie berne te Pitersbierrum as soan fan in grofsmid en Akke Ulriks Lourens (1768-1862), in âldere suster fan Faber syn mem Bottje. Donia wie dus in 27 jier âldere folle neef fan Wynsen Faber. Sytstra moat fan master Donia nochal wat opstutsen hawwe.Gerben Piters Colmjon, ‘Harmen Sytstra’, Forjit my net! Rym en ûnrym. Trettsiende boek (N.A. Hingst, Apeldoorn 1883), s. 49-94. Men komt yn de ferlieding om dy belangstelling foar literatuer alteast foar in part ta te skriuwen oan in siedsje dat master Ulrik Hendriks Lourens, de eks-patriot, yn syn pakesizzer Donia op de legere skoalle plante hawwe moat.

Ferfolch

De Fryske sprake

O, sprake der Friezen! sa krêftich as rûn,

    En lykwols sa sêft ek as side,

Ik lit hjir fol earbied op heitelâns grûn

    In nederich liet foar dy glide.

„Och! fûn men tsjintwurdich gjin Unfries hjir mear,

    Dy’t faak him syn memmetaal skammet”,

Sa bidt in goe-Fries, en it hert docht him sear,

    Dêr’t de iver yn him der foar flammet.

Dy taal dochs fan ’t folts sa romroftich as âld,

    Waans namme bestean bleau sûnt ieuwen,

Dy taal, wêrtroch mannich earwurdige Skald

    De Friezen die fjuchtsjen as liuwen,

Dy taal makket suver it sûzeljen nei,

    As leaflike wyntsjes der waaie,

Dêr’t, stiet him in bûchsume beam yn ’e wei,

    De widzjende twiichjes omaaie;

En heilstiennen, dy’t tsjin de ruten oan slaan,

    Of klett’rjend om de earen jin fljugge;

En ’t sintsje dat efkes in blinkje wol jaan,

    Dêr’t follen al blierkjend nei sjogge;

It sjongende, kwelende fûgelte oan ’t swurk,

    Stees ree ús syn Skepper te tellen;

De tsjott’rjende, flodd’rjende, wjukk’ljende ljurk,

    De sûzjende flecht fan de swellen;

De kwêkjende, kroasgjende, wriggeljende ein;

    De goes, mei ’t fertrietlik gesnetter;

It wrinzgjende hynsder; de buld’rjende wein;

    De sniewite swan yn it wetter;

    It silveren moantsje, sa leaflik en gol;

De klett’rjende, skomjende fearten;

    It kabb’ljende dubke oan d’ iggen ta fol;

It rits’ljende reid yn ’e sleatten;

De buld’rjende see, dy’t tsjin it pealwurk oan ploft,

    En opstoot as kampe ’r tsjin ’t stjerte;

En ’t romm’ljen en rott’ljen der tong’rige loft,

    Dêr’t flitsende blitsen út sjitte. –

Ferachtsje w’, o lânslju ús memmetaal net,

    En lit ús him nimmer ferjitte;

Want ha wy foar lân en foar taal gjin goed hert,

    Dan kinn’ wy gjin Friezen mear hjitte.

O wurdige, djoere en ús hillige taal,

    Fan Friezen wer mear en mear lêzen,

Bliuw – frij fan útwrydskens en útlânske preal –

    Noch tûzenen jierren yn wêzen.

Swanneblommen 1851

Op 8 oktober 1846 hellet Wynsen Faber de fjirde ûnderwizersrang; op 28 maart 1848 slagget er as twadde ûndermaster oan de skoalle yn Holwert. Syn earste gedichten ferskine in jier letter yn Iduna en tagelyk mei sines ferskine dêr ek de earste fersen yn fan in oare Holwerter: Gerben Klazes Koopmans (1822-1908), út in menniste bakkersfamylje en in broer fan de lettere oprjochters fan de Koopmans Meelfabrieken. Gerben Klazes sil boer te Holwert bliuwe. Oant yn ’e santiger jierren skriuwt er yn Iduna, Swanneblommen, De Fryske Húsfreon en Forjit my net; it FLMD hat syn wurk wol sammele mar ta in boekútjefte is it noait kaam.

Yn desimber 1849 ferhuzet Faber nei Pietersbierrum, nei’t er op 28 juny fan dat jier de tredde rang behelle hat. Dêr helpt er syn omke Folkert, dy’t al oer de fyftich is en leaver wat buorket. As er op 7 oktober 1852 de twadde rang krijt, wurdt er ûndermaster, trije jier letter boppemaster. Dan hat er de soarch oer mear as hûndert bern; in ûndermaster krijt er der net earder by as nei de ferbou en útwreiding fan de skoalle yn ’e santiger jierren. Dêrneist hat er de wenstige bybaantsjes dy’t hearre by it doarpsskoalmasterskip, lykas skriuwer fan de tsjerkeried. Syn literêre skriuwerij komt no suver stil te lizzen. Nei 1854 publisearret er noch mar in inkeld gedicht. Krekt yn de lêste jierren foar syn pinsjoen hellet dat wer wat oan.

Ferfolch

De hjerst

Boaze buien rûzje,

Wylde wetters brûzje,

    Alle dagen rein!

Grime wetterfleagen

Snjitte jin yn ’e eagen;

    Simmer is oan ’e ein.

Mannich earme bodder

Flodzet troch de modder

    Op ’e smoarge wei.

Tsjok bewalme glêzen,

Kwitserige gerzen

    Bringt de hjerst ús mei.

Hear it bûten stoarmjen,

Sjuch de skippers doarmjen

    Op ’e wide see.

Sjuch de blêden fleanen

Troch de keale leanen,

    Hear ’t ûnrêstich fee.

Doarren heart men klapp’rjen,

Finsters slaan en flapp’rjen

    Mei in wyld gereach.

Risptiid ha wy hân en

Keale feale lannen

    Fynt oeral it each.

Leave bliere blommen

Sjucht men net mear kommen,

    Ut is ’t mei har tier.

Ek mei krûd en blêden

Is ’t nou wer berêden

    Oant it oare jier.

’t Libben fan de minsken

Giet mei tinken, winsken

    Ek allyk te’n ein.

Is ús lokstjer dage,

Het ús ’t foarjier hage,

    Hastich is ’t ferflein.

Al ús blide tiden

Binne hinne gliden

    As in simmerjûn.

Wêr’t men noch mei hinket,

Hoe’t ús each ek pinket,

    Moaiens is ferdwûn.

Stoarmjende gedachten,

Dy’t wy wol ferwachten,

    Woelje der yn ús hert;

d’ Eangst komt by ús boppe

As wy skrutel roppe:

    Winter, kom noch net.

Mar – dy komt, ta smerte

Fan ’t beneare herte,

    Faak mar al te gau.

Wat wy dan bejagen?

Kâlde winterdagen

    Tsjûgen fan de rou.

As de hjerstwyn fluitet,

Fûl en kampjend stuitet

    Tsjin ús libbens-wrak;

Lokkich dy by ’t hompen,

Droanjend, stjitten stompen

    Hâldt syn skipke flak.

’t Sil net stoarmjen bliuwe,

Lok sil ûnk ferdriuwe,

    Gau rint alles flot;

’t Needwaar sil ferdwine,

’t Foarjierssintsje skine,

    Ja, sa wol it God.

Swanneblommen 1852

Dat er as skoalmaster fan in iepenbiere skoalle net benaud is en as it der op oankomt fan hoekhâlden wit foar it lokale bestjoer oer, bewiist syn berop by de Ried fan Steat, yn 1883, tsjin in beslút fan de gemeenteried om him te koartsjen op syn salaris.Meindert Attes Hibma yn De Tijd (21 july 1880): ‘Barradeel, 19 juli. ’t Volgende verwekt in deze gemeente veel sensatie.’ Ek: ‘Besluiten en benoemingen’, Algemeen Handelsblad (14 juny 1883). ‘Behandeld werd [bij de Raad van State]: het beroep van W.S. Faber, hoofd der openbare lagere school te Pietersbierum, gemeente Barradeel, tegen de besluiten van Gedep. Staten van Friesland van 8 maart 1883, No. 37, 3de afd. S. en No. 38, 2de afd. F., strekkende het eene tot goedkeuring van een raadsbesluit van 7 Nov. 1882, No. 8/1806, tot regeling van de jaarwedde van den appellant, het laatste tot goedkeuring der begrooting der gemeente Barradeel voor 1883. Rapporteur, de staatsraad De Vries.’ ‘Binnenland’, Algemeen Handelsblad (28 july 1883): ‘W.S. Faber, hoofd der openbare lagere school te Pietersbierum, tegen besluiten van Gedep. Staten van Friesland (..) ‘vernietigd het besluit van Ged. Staten van Friesland en beslist, dat het besluit van den Gemeentenraad van Barradeel niet vatbaar is voor de goedkeuring, met bepaling, dat de vaste jaarwedde, den onderwijzer uit de gemeentekas toekomende, blijft vastgesteld op f 800,-.’ ‘Binnenland’, Algemeen Handelsblad (22 desimber 1883): ‘Door het gemeentebestuur van [Barradeel] en kerkvoogden der hervormde gemeente van Pietersbierum is eene overeenkomst aangegaan, strekkende tot betaling door de kerkvoogden aan de gemeente Barradeel of het dorp Pietersbierum eener jaarlijksche vaste bijdrage van f 250,- ter tegemoetkoming in de jaarwedde van den onderwijzer W. Faber, hoofd der openbare school aldaar, te rekenen van 1 Januari 1883 af.’ In pear jier earder hie de Ned. Herf. gemeente fan Pitersbierrum in konflikt krigen mei de gemeente Barradiel oer it beteljen fan hier troch Barradiel foar de skoalle en de ûnderwizerswente, dêr’t earder gjin jild foar frege waard. Op syn bar woe Barradiel hawwe dat de tsjerke meibetelle oan Faber syn salaris. De saak ‘verwekt in deze gemeente veel sensatie’, skriuwt it protestantske blêd De Tijd. Faber wint it pleit; it troch Deputearre Steaten fan Fryslân goedkarde beslút fan de gemeenteried ‘tot regeling van de jaarwedde van de appellant’ [Faber] en dêrmei ek de begrutting fan de Barradiel foar 1883 wurdt troch de Ried fan Steat ferneatige. Ein dat jier giet de tsjerkeried akkoart mei in fêste bydrage fan 250 gûne jiers, ‘ter tegemoetkoming in de jaarwedde van den onderwijzer W. Faber, hoofd der openbare school aldaar’. It is de perioade fan skoalstriid en Doleânsje en tsjerklike ynfloed op it ûnderwiis is in dreech maatskiplik punt. Alsa mei men sizze dat mei troch Faber syn hanneljen en fêsthâldendheid yn Pitersbierrum alteast in kompromis en in soartemint fan pasifikaasje plakhawwe koe.

As er dan yn 1890 ôfskied nimt fan it ûnderwiis, stiet dit earbewiis yn de Leeuwarder Courant:

Onder de onderwijzers, die door een zachtmoedigen geest, door grooten tact en ijver in hun werk zich onderscheidden, is voorzeker het hoofd der school te Pietersbierum, de heer W. Faber; daarenboven door meer dan gewone beschaving en literarische kennis in ’t Friesch en Hollandsch bekend en door zijn ferm karakter bemind, zal het velen leed doen te vernemen, dat met 1 Jan. A.s. „meester Faber” het openbare leven vaarwel zegt. Gisteren had hij 40-jarigen schooldienst en nam hij wegens aanhoudend zwakke gezondheid officieel afscheid van zijne leerlingen, die zeer aan hem gehecht zijn, door een schoolfeest (..). Een feit is ’t, dat wanneer mannen als Faber meer algemeen werden aangetroffen, de verdeeldheid op het gebied van onderwijs niet zoo veel zou voorkomen.‘Particuliere Correspondentie’, Leeuwarder Courant (9 desimber 1889).

No’t er mear tiid hat, mar minder poëzij skriuwt, set er him wakker yn foar it Frysk Selskip. Mei de Ternaarder skoalmaster Tsjalling Halbertsma fersoarget er in nije edysje fan it Frysk Lieteboek (1899)J. van Loon Jz. En M. de Boer, Frysk Lieteboek. In gearjefte, de Friezen oanbean. Op 'e nij biwirke en neigien fen T.E. Halbersma en W. Faber (R. van der Velde, Ljouwert 1899). en hy set de baanbrekkende brosjuere fan Pieter de Clercq oer de befoardering fan it Frysk ûnderwiis (1900) yn it Frysk oer.P. de Clerq, Over de bevordering van en het onderwijs in de Friesche taal / Oer de bifoardering fen en it underwiis yn de Fryske tael [brosjuere, 1900]. Yn 1901 beneamt de algemiene gearkomste fan it Selskip him ta earelid. As stikjesskriuwer foar de krante spant er him yn om de lokale skiednis foar it fuotljocht te bringen,[W. Faber], ‘Oudheidkundige Mengelingen. Jacob en Adriaan van Cronenburg’, Leeuwarder Courant (12 febrewaris 1890; 19 febrewaris 1890). wat út tsjerkeboeken op te fiskjen,W. Faber, ‘Iets uit de Kerkeboeken van Pietersbierum’, Leeuwarder Courant (10 maart 1894). in sfearferslach te jaan fan in keatspartij yn it doarp.W. Faber, ‘In wirdtsje oer it keatsen en yet hwet’, Leeuwarder Courant (5 juny 1899). Efkes is er by in breder publyk bekend as er yn 1901 de skriuwer is fan de fjouwerrigel op de Mulierbal, de ‘wannelbal’ (wikselpriis) fan de Nederlandsche Kaatsbond:

It libben jout, mei stean en fallen,

Rju driuwerkes nei stive ballen.

Kom keatser! Lit de lju lûd roppe,

Sis neat, mar slach de ballen boppe!Opnaam yn P. Boorsma, T. Oppewal en G. Visser, red., Spiegel van de Friese poëzie. Van de zeventiende eeuw tot heden (Meulenhoff, Amsterdam 1994) s. 84.

Fan 1905 ôf publisearret er ‘Pompierkladtsjes’ yn Forjit my net. Ek binne der noch de ferskes skreaun foar it Griene Krús. Yn 1910 krijt er in ‘Earefrissel’ oanbean fan syn skriuwersfreonen, wat earder allinnich Waling Dykstra en Tjibbe Gearts van der Meulen barre mocht, wol in bewiis fan breed dielde, útsûnderlike wurdearring.S. van der Burg, P. de Clercq, G. Postma, O.H. Sytstra, red., Earefrissel for master W. Faber to Pitersbjirrum mei syn tachtichste jierdei, fen ûnderskate Fryske frjeonen by inoar garre (Eisma, Ljouwert 1910). Sinjalearre troch Cornelis Wielsma, ‘Nije Fryske Utjeften’, Leeuwarder Courant (19 desimber 1910): ‘Under de meiwurkers telt men û.o. leden fen ’t Christlik Frysk Selskip.’

Mar dêrnei giet it hurd mei him achterút. Op 23 augustus 1918 komt syn frou Reintje te ferstjerren. Op 21 novimber fan dat jier wurdt er troch de arrondissementsrjochtbank te Ljouwert ûnder kuratele steld, ‘wegens zwakheid van vermogens, op eigen verzoek’.‘Gerechtelijke aankondigingen. Onder –curateele-stellingen’, Nederlandsche Staatscourant (3 desimber 1918): ‘Bij vonnis der arrondissements-rechtbank te Leeuwarden, van 21 November 1918, is Wijnsen Faber, rustend hoofdonderwijzer, wonende te Pietersbierum, wegens zwakheid van vermogens, op eigen verzoek, gesteld onder curateele.’ Master Wynsen Faber rekket wei op 12 desimber 1918. Ik koe yn de Leeuwarder Courant gjin rou-advertinsje fine. Syn hûs wurdt feild op fersyk fan notaris, en foarsitter fan it Frysk Selskip, Sjirk Linses van der Burg, dy’t Faber syn saken as Selskipsfreon ôfwikkele. Van der Burg makket oan ’e ein fan dy moanne yn in bûtengewoane byienkomst fan it Selskip bekend ‘dat út de neilittenskip fen master Faber oan it Selskip in legaet fen ƒ 300 tamakke wier’.‘Frysk Selskip’, Leeuwarder Courant (30 desimber 1918).

Dêrnei rekket er al gau yn it ferjitboek. Gerben Postma skriuwt in moai in memoriam yn Sljucht en Rjucht (1919), J.J. Hornstra jout tolve jier letter wat flodderige ynformaasje yn Fryslân (1931) en Geart Aeilco Wumkes lit him suver demonstratyf wei út sawol syn Paden as syn Bodders. Jan Piebenga wol yn syn hânboek noch wol in wurdearjende alinea oer him kwyt, mei as kearn: Wynsen Faber wie ‘de beskiedene, trouwe wurker, in dreech kenner fan it Frysk’, dy’t ‘stimmich, glêshelder en oarspronklik’ skreau; ‘Didaktysk dichter neffens oanlis (gelegenheidsdicht), is er yn al syn wurk hiel wat mânsk op it stik fan swietlûdigens en rykdom fan taal en fersifikaasje.’Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (1e pr. 1938; Laverman, Drachten 1957), s. 165.

It is dochs in wat oerflakkige skets en de opmaat ta it mar hielendal en folslein weilitten fan de namme Wynsen Faber út it nijste ‘kanon-kanon’, Zo lang de wind van de wolken waait (2006).T. Oppewal e.o., Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Bert Bakker, Amsterdam 2006).

3

De Frysk-nasjonale kanon dy’t Douwe Kalma,Douwe Kalma, De Fryske skriftekennisse (Kamminga, Dokkum 1928-1939). de ortodoks-protestantske WumkesG.A. Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (Osinga, Boalsert 1926); ib., Paden fen Fryslân. Samle opstellen (Osinga, Boalsert 1932-1943). en Piebenga yn de tweintiger en tritiger jierren fan de tweintichste ieu gearstalle, ‘ferjit’ Faber. Of muozzet him wei yn it swarte gat tusken ‘de mannen fan de Fryske romantyk’ (ek wol de ‘Iduna-skoalle’ neamd) oan de iene, en ‘Waling Dykstra-en-dy’ (ek wol de ‘folksskriuwerij’ neamd) oan de oare kant. Mar de driuw ta klassifisearjen en kategorisearjen – ek sa populêr yn de folksferhalekunde – ferberget it net-analysearjen en foaral it net-kontekstualisearjen fan teksten dy’t minder goed temjitte komme oan de nasjonalistyske en/of religieuze foarkar fan de kanonisearder. Dy’t de folksskriuwerij begripe wol, sil foaral sjen moatte nei syn relaasje mei tiid en maatskippij. Net de knap berime fjouwerrigel of it Frysk-nasjonale fiersicht is de core business fan sokke literatuer, mar it bewurkmasterjen fan estetyske teksten mei relevânsje foar it deistige libben fan de doelgroeplêzers.

Yn de earste en belangrykste skeppingsperioade, 1849-1854, giet it om mar 24 fersen: achttjin yn Iduna, fjouwer yn De Fryske Húsfreon en twa yn Swanneblommen. Yn trochsneed fjouwer fersen it jier dus, mei in pyk fan acht yn 1854, it jier foar syn oanstelling as boppemaster. Yn dizze paragraaf wol ik koart sjen nei de religieuze en sosjale posysjes dy’t dy gedichten ynnimme en ik sil dêrby besykje nei te gean hoe’t se har ferhâlde ta de hjir earder oanhelle teoretyske proposysje dat Fryske folksskriuwerij, as konstruksje fan folk-lore, in ynherint engazjearre aktiviteit is.

Ferfolch

Feroaring

Al wat ús each oanskôget,

    Fan fierren of neiby,

Itsij ’t op grutheid bôget,

    Of skûlet ûnder ’t pij;

Itsij dat wicht fan jierren

    De stielen hûd it nypt;

Itsij ’t yn simmertwirren

    As ’t bûchsum ryske swyp’t;

Of hoe’t en wêr’t mei wêze,

    Yn east en west, oeral

Lit stees dat ierdske ús lêze

    Syn opkomst, bloei en fal.

’t Feroaret! – Starums moerwurk,

    Mei syn ferwende bern,

Seach de ôfrin fan syn oerwurk…

nbsp;   Het al syn glâns ferlern!

’t Feroaret! – Dêr wêr’t earen

    Yn ’t sûzebrûzjend wiet

Sa mannich ’t skip ferlear, en

    De fisker ’t net útsmiet,

Dêr rôlje nou ús kijkes

    Yn ’t griene gers har om;

Dêr gonselje de bijkes

    Aloan, fan blom ta blom.

’t Feroaret! – Grutte bazen

    En masters fan ’e wrâld,

Hja hâlden op fan razen:

    Hja lizze stiif en kâld.

’t Feroaret mei ús alle;

    ’t Feroaret ek mei my. –

Myn swiete bernskens rôle

    Al boartsjende foarby.

Doe wie my de ierde in himel,

    En wrâld en wenpleats ien;

Doe glimke ik om ’t gewimel,

    En ’t boartsjen yn ’t gemien.

Gjin neare takomst gniisde

    My sa balstjurrich oan;

Gjin hertfol soargen wiisde

    My op dat tsjust’re moarn.

Ik speeg’le minskedieden

    Oan ’t eigen skuldleas hert. –

Fan falskens, list, ferried en

    Fan selssucht wist ik net.

Ik seach yn allen freonen,

    En elk om my yn noed.

Och! wie dy tastân bleaun, en

    Myn herte noch sa froed!

Mar ringen seach ik ’t fjuchtsjen

    Om dingen, neat as skyn;

Ik hearde ’t plachtsjen, rjuchtsjen

    Om ’t neatich myn en dyn.

Mei Godstsjinst yn ’e mûle

    En hel en dead yn ’t hert;

Yn ’t ing’leklaad beskûle

    Waard d’ ienfâld striken set.

Ik seach de kop opstekken

    Dat egoïsmus-spook,

Om ’t twistfjoer op te rekken,

    As Satans gleaune pook.

Dy sang, dy ’k (bern noch) hearde,

    Feroare yn drôve klacht;

En ’t bliere ljocht ferkearde

    Yn tsjokke tsjust’re nacht…

„Och! dat ek dat feroare!”

    Is dus ús fromme bea. –

Mar – wa soe ’t hoopje doare:

    Ferlossing fan al ’t wea?

Wy doare ‘t; - want de yngoede

    Bestjoerder fan ús lot

Nimt braven yn syn hoede;

    En – is in machtich God!

’t Unrêstich wilewarljen

    Der boazen yn it rûn

En ’t machteleaze sparr’ljen

    Fan ’t helske dúv’len bûn;

’t Is ’t neierjende ein! – en

    Dy Boarn’ fan alle goed

Oerstreamt ús ierd mei sein, en

    Dan riist der goed út tsjoed.

Lit frij feroaring komme;

    Bedobje s’ ús yn ’t stof;

En widzje s’ ús yn slomme

    Op ’t iensum deadehôf;

Lit felle stoarmen rûzje,

    Fernieljend yn har feart!

Lit oseanen brûzje!

    En sinke ’t al yn ’t neat –

Wat wifel of ferstoaring

    Der earne komme mei;

By God is gjin feroaring

    Of omkear, foar noch nei. –

En, Dy sil ’t foar ús meitsje

    Alheel nei hertsbegear;

Hy foar de oprjuchten weitsje;

    Hy, ivich trouwe Hear!

De Fryske Húsfreon 1853

Faber is (frijsinnich) kristen en stekt dat yn de fersen net ûnder stuollen en banken. Al yn syn earste fers yn Iduna, ‘Us libben’, wurdt dúdlik dat nei dit libben op ierde pas it echte, ivige libben oanbrekke sil:

Mar nee! –nee! – net alles en alles wurdt minder;

    Nee, minske! wês bliid, want der bliuwt noch wat oer:

Oan ’t eigentlik minsk’ dogg’ d’ ieuwen gjin hinder;

    Nee – ’t eigentlik minsk’ is fan ivige doer.

    Ja – ’t libben begjint mei ús skipbrek opnij;

    Foarby is dy need dan, en w’ amje wer frij.W. Faber, ‘Us libben

’, Iduna 1849, s. 69-70.

Foarwearden as boete dwaan of skuldbesef wurde der oan dat ivige libben net ferbûn en fan in hel of de ‘freze des Hearen’ is gjin praat. Yn it gedicht ‘In simmerjûn’ docht de dichter lyrysk ferslach fan sa’n jûn, as de drokke dei foarby is en er de natoer op him ynwurkje lit. ‘Neat leit hjir ús geast oan bannen;’, ferklearret er suver programmatysk, ‘Lit dan frij jins tinzen gean!’

Nee – wy witte fan gjin smerte,

    Sjogg’ we sa Gods skepping oer,

En it wurdt ús rom om ’t herte,

    Tinke w’ oan syn albestjoer!

O! Hy wol ’t ús sa betsjutte,

    ’t Is oft al wyn wurk ús seit:

Lês yn ’t lytse en yn ’t grutte:

    Berntsjes! God is jimme Heit!W. Faber, ‘In simmerjûn’,

Iduna 1849, s. 102-104.

It fers ‘Yn ’t moaie waar’ bringt itselde boadskip, mar dan mei in dúdlike ôfkarring fan ‘deiliskip’ (oer it leauwe, kin men dêr by tinke):

Wat ha de minsken der dochs oan,

    Sa’n spul en sa’n gereach?

Mar siker wier! ik leau it wis

Dat sok ding bare sûndich is

    Yn ’t hillich alsjend each!W. Faber, ‘Yn ’t moaie waar’, Iduna 1850, s. 119-120.

De fersen mei religieus boadskip bringe alsa foaral it leafdes-evangeelje: God hâldt fan de minske, betrou dêr mar op, do silst behâlden bliuwe. Wy fine it ek werom yn gedichten as ‘Nynke, nei har ferskieden, oan har treurjende âlden’, ‘Alderleafde’, ‘De hjerst’, ‘Feroaring’, ‘Minske’, ‘Wêrta binne wy hjir?’ en ‘God’.Iduna 1850, s. 126-127; Iduna 1852, s. 92-94; Swanneblommen 1852, s. 55-57; De Fryske Húsfreon 1853, s. 285-288; Iduna 1854, s. 27-28; Iduna 1854, s. 28; Iduna 1854, s. 153-154. It mei dúdlik wêze dat wy hjir fier weidreaun binne fan de rjochtsinnige, learstellige wrâld dy’t him beropt op de Heidelbergse Katechimus út 1563 en de Dordtse Leerregels fan 1618-1619. De gedichten lizze earder yn it ferlingde fan it frijsinnige tinken fan remonstranten, mennisten en de modernistyske ‘Grinzer rjochting’ yn de herfoarme teology.

In twadde tematyske groep gedichten set sosjale tema’s foarop út it min ofte mear deistige libben fan it folk. De fariaasje is hjir grut. Tsjin de alkohol: ‘De krúk giet te wetter sa lang as se brekt’.W. Faber, ‘De krúk giet te wetter sa lang as se brekt’, Iduna 1849, s. 157-159. Oer it belang fan ferbûnens mei de minsken yn it eigen doarp: ‘Farrewol oan myn wenpleats’.W. Faber, ‘Farrewol oan myn wenpleats’, Iduna 1849, s. 189-190. Oer it krimmenearjen oer tsjinstuiten fan de ‘gewoane man’, dy’t er in hert ûnder de rym stekt: ‘Teade-omme’:

En ús paad is net jimmer mei blomkes bestroaid,

    Jo ûnk lit dat dúdlik jo lêze;

As stikels ús stekke, dan wurde wy wiis,

En stelle de blomkes noch better op priis.

    Sá, Tead-om! sjesa moat it wêze!W. Faber, ‘Teade-omme’, Iduna 1850, s. 142-144.

Oer it belang fan leafde en trou yn it houlik: ‘Eginard en Emma’.W. Faber, ‘Eginard en Emma’, De Fryske Húsfreon 1851, s. 209-214. Oer de ferbûnens fan in Fries te wêzen en de Fryske taal heech yn it findel te hawwen: ‘De Fryske sprake’.W. Faber, ‘De Fryske sprake’, Swanneblommen 1851, s. 10-11. Oer selskennis fersus it jin liede litten troch driften: ‘De hear in slaaf’.W. Faber, ‘De hear in slaaf’, Iduna 1853, s. 145-147. Oer it de kop opstekken fan egoïsme, ‘Feroaring’:

Mar ringen seach ik ’t fjuchtsjen

    Om dingen, neat as skyn;

Ik hearde ’t plachtsjen, rjuchtsjen

    Om ’t neatich myn en dyn.

    En hel en dead yn ’t hert;

Yn ’t ing’leklaad beskûle

    Waard d’ ienfâld striken set.

Ik seach de kop opstekken

    Dat egoïsmus-spook,

Om ’t twistfjoer op te rekken,

    As Satans gleaune pook.W. Faber, ‘Feroaring’, De Fryske Húsfreon 1853, s. 285-288.

Nochris oer in asosjale libbenshâlding: ‘It eigen Ik’.W. Faber, ‘It eigen Ik’, Iduna 1854, s. 18-19. Oer it jin ien te witten mei de foarslachten út jins eigen krite: ‘Oertinkingen op it deadehôf’ (in sublym fers).W. Faber, ‘Oertinkingen op it deadehôf’, Iduna 1854, s. 119-122. En oer de needsaak en de morele plicht om dyjinge te helpen dy’t yn need is of earmoed lijt: ‘It is mei sizzen net te dwaan’. Dêr ek in fragmint út:

’t Is net genôch, as ûnk en lijen

    Us earme bruorren fûl berint,

De troanje yn ’e ploai te flijen,

    En dat men allinne kryt en stint.

Net genôch is ’t, as ’t geweld der weagen

    De earme seeman bringt yn need,

In trien te parsen út it each, en

    Te suchtsjen om in oarmans leed.

As flitsen troch it loftrom boarje

    En sette hûs en erf yn brân;

Of as de fruchten kwine en toarje

    En honger spoeket troch it lân;

Dan is ’t net genôch, mei treast te snaaien;

    Net genôch, mar goede ried te jaan;

Mei sêfte wurdsjes jin te paaien,

    En net in goede died te dwaan.W. Faber, ‘It is mei sizzen net te dwaan’, Iduna 1854, s. 174-177.

Dat fers út 1854 hat as titel de liifspreuk fan Coert Lambertus van Beyma (1753-1820),Meidieling fan Philippus Breuker, 15 maart 2009. de Fryske patriottelieder dy’t in protte lânbesit hie yn de omkriten fan Pitersbierrum, foaral yn buordoarp Winaam, en dy’t noch oant syn dea yn ta yn Provinsjale Staten in sit hie as fertsjintwurdiger fan de ‘landelijke stand’ yn Barradiel. ‘It is mei sizzen net te dwaan’ wie ek de namme fan in Winamer arbeidersferiening-mei-sjongkoar yn de njoggentiger jierren. Men soe hast tinke, Wynsen Faber skriuwt as in proto-sosjalist, mar sa is it ek wer net. De oproerkraaier, Sjirk, dy’t boppesteande wurden útsprekt, wurdt oan ’e ein troch de dichter as yn in klucht wiisd op syn eigen diedeleazens:

Wat docht no Sjirk? As waard er roppen,

nbsp;   Lûkt hy fan lear! – Hy docht in trêd,

Hy skuort de doarren rimpen op, – en

Springt, sûnder lang beried… yn ’t bêd! –

Efkes in sydsprong: yn ferskate fersen falt Fabers omtinken foar de driging fan de see en de seefeart op, sa ek yn ‘It is mei sizzen net te dwaan’. Pitersbierrum hie lykas alle doarpen fan Barradiel ek befolking by seedyk, fiskershúshâldingen dy’t by ’t winter faak in minne tiid belibben.

Ferfolch

It Eigen Ik

Behandelje elts allinne

    As middel ta dyn wyt;

Tink stees: „Kinsto my tsjinje,

    Dan bisto wat – oars gjin byt.”

Bring, om dyn sin te krijen,

    De wrâld yn rep en roer;

Bliuw kâld as ’t iis der pôlen

    By ’t lijen fan dyn broer.

Ferbrek wat freonskip hjit, en

    Bedjer de maatskippij;

Sis, dat de hiele wrâld der

    Allinnich is om dy.

Fal op ’e kop yn ’t wetter,

    As dij dyn opset mist;

Dan bisto in Narsissus,

    In folbloed egoïst.

Mar – ’t is in gleone roede,

    In spoek sa swart as pik;

It is de bare duvel:

    ’t Ferdomde Eigen Ik.

Iduna 1854

Wat de reden is fan it ‘swijen’ nei 1854 fan in dichter mei sokke fermogens en sa’n muzikale taalbehanneling hat wat fan in riedling. It kin wêze dat Faber it folle banniger krige as boppemaster. It kin ek wêze, miskien wierskynliker, dat er út foarsichtichheid besleat om as dichter mear op ’e achtergrûn te bliuwen: selssensuer. Luts in doarpsskoalmaster net eagen fan alle kanten? Hy stie iepen en bleat tusken it folk en de hegerein yn, en mei dy posysje moast er rekkenje. Ek yn syn skriuwen wie er in middeler tusken de meast orale folkskultuer en de ‘hegere’, de lêskultuer. Syn teksten, gauris ek bedoeld om foar te dragen of te sjongen, moasten in brede groep minsken berikke en op har eigen foarwearden oansprekke kinne, mar mochten tagelyk de maatskiplike oarder net te mâl begekje of yn gefaar bringe. As de dûmny, de tsjerkfâlden, it gritenij-, letter gemeentebestjoer en de pleatslike grutte boeren it net mear sitten seagen mei sa’n master, waard der bytiden ommers gau in oar fûn. Likegoed liket Faber it mei dy twa belangrike sosjaal-kulturele krêften yn syn omkriten wol troffen te hawwen; dêr oer giet de folgjende paragraaf.

4

De noardlike Lytse Bouhoeke wie yn de njoggentjinde ieu in lân fan grutte boeren, lytse gerniers, ek wol ‘koaltsjers’ neamd, en wurkfolk. Yn Winaam en Pitersbierrum hiene grutte, faak rike, liberale en frijsinnige bouboeren lang de politike oerhân. Reinder Brolsma begjint yn 1947 syn fytstocht troch it noarden fan Fryslân op in krúspunt westlik fan Winaam, dat yn’e folksmûle bekend stiet as ‘Bruningshoeke’.Reinder Brolsma, ‘Door de Noorder bouw. Mensen en vruchten’, Nieuwsblad van Friesland (4 augustus 1947). It is it plak fan de midsieuske stins Aldehûs, no in pleats; oan ’e oare kant fan ’e dyk stiet noch sa’n grutte pleats, Siverda State. De reizgjende skriuwer moat dan tinke oan boer Haye Bruining (1843-1918), dy’t yn itselde jier weirekke as Wynsen Faber en dy’t er sels noch kend hat fan syn tiid as ferversfeint by syn broer Jolke yn Winaam:

een zeer merkwaardig man, klein van statuur, bruusk en kortaf in zijn optreden, punctueel als boer en, volgens de faam, iemand van ongewone ontwikkeling, die zich tot des avonds laat vermeide in de werken van Europese schrijvers, in de oorspronkelijke taal.Reinder Brolsma, ‘Door de Noorder bouw. Mensen en vruchten’, Nieuwsblad van Friesland (4 augustus 1947).

Haye Bruining wie de âldste soan fan de Pitersbierrumer dûmny Johannes Bruining (1809-1901) en syn frou Wiepkje Peters (1823-1901). Johannes Bruining hat as predikant gjin opfallende publikaasjes dien, mar namste bekender yn de teologyske wrâld binne syn heit Albert Bruining (1766-1837),‘Albert Bruining’, yn: A.J. van der Aa, Biographisch woordenboek der Nederlanden. Dl. 2. Derde en vierde stuk (Van Brederode, Haarlem 1855), s. 1503. Ek: J. van Sluis, ‘Bruining, Albertus’, yn: Biografisch lexicon van het Nederlandse protestantisme. Dl. 5 (2001), s. 99. syn omke, de patriottyske flechtling en letter remonstrânsk dûmny Gerbrand Bruining (1764-1835),‘Gérbrand Bruining’, yn: Van der Aa, s. 1500-1502. Ek: W. Heijting, ‘Gerbrand Bruining’, yn: Biografisch lexicon van het Nederlandse protestantisme. Dl. 5 (2001), s. 1001-101. syn soan Albert Bruining (1846-1919),M.J. Aalders, ‘A. Bruining. Een biografische schets’, g.d. Website M.J. Aalders: <http://www.mjaalders.nl/wetenschappelijk-werk-othermenu-33/publicaties-op-het-web-othermenu-38/57-a-bruining>. Krigen 7 desimber 2017. heechlearaar yn Amsterdam, en syn pakesister Nicolette Adriana Bruining (1886-1963),Fricke Oosten, ‘Bruining, Nicolette Adriana’, yn: Digitaal Vrouwenlexicon van Nederland. Website: <http://resources.huygens.knaw.nl/vrouwenlexicon/lemmata/data/Bruining>. Krigen 7 desimber 2017. Ek: M.C. Jongeling, ‘Bruining, Nicolette Adriana’, yn: Biografisch lexicon van het Nederlandse protestantisme. Dl. 3 (1988), s. 61-62. ien fan de earste froulike promovendi yn Nederlân en de driuwende krêft achter de oprjochting fan de Vrijzinnig Protestantsche Radio-Omroep yn 1926.

Johannes Bruining gie yn itselde jier mei emeritaat doe’t Faber ek syn ôfskie hie, 1890. De tsjerkeried fan Pitersbierrum frege doe syn soan Albert oft dy net oardel jier predikant wurde woe, om de hûndert jier fol te meitsjen dat in leat fan de Bruinings yn it doarp oan tsjerke stean soe (hat Albert net dien).M.J. Aalders, ‘A. Bruining. Een biografische schets’, g.d. Website M.J. Aalders: <http://www.mjaalders.nl/wetenschappelijk-werk-othermenu-33/publicaties-op-het-web-othermenu-38/57-a-bruining>. Krigen 7 desimber 2017. Dat soe dan hast like lang west hawwe as dat it Pitersbierrumer ûnderwizerskip yn de hannen fan ien famylje west hie.

Faber syn omke Folkert Lourens sil mei dûmny Bruining ta de inisjatyfnimmers heard hawwe yn 1852 – it jier dat Faber de twadde ûnderwizersrang behelle – fan it ‘Pietersbierumer Leesgezelschap’, dêr’t Bruining de foarsitter fan waard en dat ta yn ’e fyftiger jierren fan de tweintichste ieu bestien hat.Sjoch ‘Ynze Klaazes de Boer’, GeneaNet, g.d., Website: <https://gw.geneanet.org/natascha1977?lang=no&p=ynze+klaazes&n=de+boer>. Krigen 7 desimber 2017. Ek: W. Faber, [sûnder titel], Leeuwarder Courant (19 desimber 1892). Dat ek Faber syn útwurking hie op it keunstsinnich en ek Frysk-literêr bewustwêzen fan guon fan syn learlingen en doarpsgenoaten, sprekt út it libbensferhaal fan de Pitersbierrumer Klaas Sjoerds de Boer (1873-1959).Klaas Sjoerds de Boer, ‘Pietersbierum omstreeks 1880 in foto’s’, Argelander Institut für Astronomie (ALFA), Universität Bonn, 5 juny 2014, Website: <https://astro.uni-bonn.de/~deboer/genea/ks/barradeel/Pietersbierum1880.html>. Krigen 23 novimber 2017. Hy memorearret dat er mei syn broer Ynze Sjoerds by master Faber op skoalle gie en dêr ek muzykmeitsjen learde; Ynze spile fluit en Klaas fioele. Yn Sljucht en Rjucht is om 1930 hinne in inkeld gedicht fan Klaas Sjoerds de Boer te lêzen.‘Klaas Sjoerds de Boer (*1873) met Trijntje Gelsche Hoogland (*1876-1909) en Trijntje Samuels Schuiling (*1874) Notities’, Argelander Institut für Astronomie (ALFA), Universität Bonn, 14 july 2015, Webite: <https://astro.uni-bonn.de/~deboer/genea/ks/ks21mclips/ks21m-clips.html>. Krigen 7 desimber 2017. Syn soan Ynze K. de Boer (1901-1961), jurist en notaris, hat foarsitter west fan it Frysk Selskip.‘Klaas de Boer (*1873) and Trijntje Gelsche Hoogland (*1876-1909) and Trijntje Samuels Schuiling (*1874)’, Argelander Institut für Astronomie (ALFA), Universität Bonn, 30 april 2016, Website: <https://astro.uni-bonn.de/~deboer/genea/ks/ks21m-e.html>. Krigen 7 desimber 2017. De De Boeren fan Pitersbierrum en Winaam wiene ein achttjinde ieu in menniste-famylje mei grutte boupleatsen oan de Alddyk; yn it midden fan de njoggentjinde ieu wiene it meast koaltsjers mei sawol menniste- as herfoarme tûken.

In oare belangrike liberale ynfloed yn de regio gie út fan de De Jongs. Dat wie in boerefamylje oantroud oan de Schuilings, dy’t yn 1853 oerkaam út it Bilt. De reden wie dat doe de adelike widdo Bieruma Oosting, grutgrûnbesitster, per Alde Maaie fan dat jier de mennisteboer Dirk Reinders de Jong (1810-1853) fan syn pleats tusken de Nije en de Alde Biltdyk sette, om’t dy net op har soan, in konservatyf Twadde Keamerlid, stimme woe by ferkiezingen. De kwesty joech yn Fryslân frijwat opskuor doe’t De Jong yn in brief yn de Provinciale Friesche Courant de saak út de doeken die.‘In historisch hoofd-artikel’, Provinciale Friesche Courant (12 maaie 1853). Lykas de De Boeren sieten de De Jongs oan seedyk, ûnder mear op de kapitale Ropta State boppe Winaam. In omkesizzer fan Johannes Bruining wie troud mei in dochter fan Dirk Reinders de Jong.

Gauris falt op dat yn dizze rûnten fan in bûtengewoane kulturele ûntwikkeling sprake is. Op Bruningshoeke, op Aldehûs, wennet yn it lêste kwart fan de njoggentjinde ieu Auke Dirks Sybesma (1843-1918), de buorman fan Haye Bruining mei wa’t er itselde bertejier en jier fan ferstjerren dielt. Syn mem wie in dochter fan Dirk Reinders de Jong, syn heit in omkesizzer fan dûmny Johannes Bruining. Brolsma neamt dizze Sybesma ‘de fluitist en sterrekundige’; hij hearde ek by de

niet zeldzame klasse van de z.g. geleerde boeren en beoefende de sterrenkunde en bespeelde met grote virtuositeit de dwarsfluit, en geleek uiterlijk meer op een schraal solied burgermanneke dan op een volslagen, gedegen boer.Reinder Brolsma, ‘Door de Noorder bouw. Mensen en vruchten’, Nieuwsblad van Friesland (4 augustus 1947).

Haye Bruining en Auke Sybesma binne beide tige foarútstribjend yn har buorkjen en doarre ek wat te aventoerjen; se hearre yn juny 1888 ta de oprjochters fan de Coöperatieve Stoomzuivelfabriek te Seisbierrum. Flakby Bruningshoeke stiet noch oant 1900 ta Donia State, in boupleats dy’t bewenne wurdt troch in omke fan Sybesma dy’t mei in suster fan Johannes Bruining troud wie.

Ferfolch

Oertinkingen op it deadehôf

’t Foarslachte het der wêzen,

    Dat is der no net mear;

Wy binne noch yn wêzen,

    Dochs ringen ek net mear.

Gjin ien fan dy’t hjir siket

    Bestie foar hûndert jier,

En, itsij ’t eat is of liket,

    ’t Is wei oer hûndert jier.

Us ierde wie deselde,

    Mei rein en sinneksyn,

It minske, it foarspelde

    Ek doe al rein of wyn.

Men boude ’r en men ploege,

    Men rôp fan fuort en ho!

Men kriet of ’t wie benoege,

    Ek al allyk as no.

Men graude op âlde pake;

    Men minde en waard bemind;

Der waard ek wolris lake,

    Der waard ek wolris stind.

It skuorde ’r en it hoarte!

    Hja setten bjuster skonk;

It djoeide ’r en it boarte!

    En no? – no ha se honk. –

By tûz’nen mochten kriuwe

    Hjir om in stik metaal,

En tûz’nen lieten ’t bliuwe

    Itselde stik metaal!

It laitsjen en it skriemen

    Fan d’ âldsjes fan alear,

It laitsjen en it skriemen

    Dat heart men no net mear.

In earme stakker geide

    Oer Rikeman syn lof. –

En no? – no binn’ se beide

    Oars net as neatich stof.

Itsij in earme bodder,

    Itsij de Foarst fan ’t gea,

Nei tiden dekt dy modder

    Har beider wurge lea.

It glinsterjende stiente,

    Sa glêd, en moai fan bou,

Befet it kâlde biente

    Fan d’ earen dert’ne frou.

As se earen efkes glimke,

    Dan waarden manlju bern.

Och earme! sjuch! dat glimke,

    Dy moaiens gie ferlern.

Wy ha, sa lang wy boartsje,

    Wat boartersguod te lien;

Fermeitsje ús dus in hoartsje,

    En – dan is ’t boartsjen dien.

As ik sliep ienkear rêstich,

    As my it grêf ris het –

Dan is gjin need my lêstich,

    Gjin ûnrêst let my net.

Dan slomje ik by de deaden

    Yn memmeskurte swiet. –

Dan wurdt myn each net read, en

    Myn kessen net mear wiet.

Noch bin ik yn ’t gewimel

    Fan ’t wiks’ljend libbenslot. –

’k Slach it each ten blauwe himel

    En tankje yn stilte God.

De libbensstoarm dy rûzet

    Stees spoekjende my nei…

God lof! wat yn my hûzet

    Ferkwynt noch stjert net wei!

Iduna 1854

Dizze (te) koarte rûngong leart yn alle gefallen wat oer it geastlike klimaat ûnder de lokale hegerein yn Winaam en Pitersbierrum. Dat hat de skaaimerken fan de moderne grutboer, polityk-liberaal, yn it leauwe frijsinnich-herfoarme of mennist, mar praktysk genôch om mieningsferskillen te parkearen en ûnderinoar houliken oan te gean. Dat wie sa doe’t Faber al mei pinsjoen wie, mar itselde wie ek yn de fyftiger en sechstiger jieren fan de njoggentjinde ieu al it gefal. Dêrneist lykje de biografyen fan de belangrikere famyljes ek noch in ferbân oan te wizen mei it oerweagjend patriottysk karakter fan de befolking yn de regio foar en yn de Frânske tiid. Soks docht tinken oan in tradisjoneel sterke oanwêzigens fan tinkbylden oer demokratyske frijheid en sosjale rjochtfeardichheid. It sil raar wêze as net op syn minst wat fan dy stream ek troch it bêste dichtwurk fan Wynsen Faber rint – of hat dy stream dat wurk faaks mei konstruearre?

5

‘Folksskriuwerij’, skriuwt Piebenga (1957),

wol inkeld sizze: It praktysk-opfiedend doel fan it wurk, de flottens en lêsberens, de gaedlikens om foarlêzen of foardroegen to wurden, de didaktyske learing en de bifetlikens steane op de foargroun; de foarstelling yn ‘kunst’ wurdt mar inkeld nei stribbe.Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (1e pr. 1938; Laverman, Drachten 1957), s. 137.

Klaas Dykstra en Bouke Oldenhof (1997) omskriuwe de streaming yn har hânboek as in de ‘Nei-Romantyk’ [fan Sytstra en Tiede Dykstra, AdV] oerspielende ‘floed’ fan realisme (‘it sljochte fotografearjen mei wurden’) dy’t alle franje en blomrikens ôfskafte.Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (2e pr.; Afûk, Ljouwert 1997), s. 46. Tineke Steenmeijer-Wielenga besiket it hielendal net en jou in omskriuwing.Tineke Steenmeijer-Wielenga, ‘Meer literatuur voor meer mensen. Van 1822 tot 1915’, yn: T. Oppewal e.o.Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Bert Bakker, Amsterdam 2006), s. 54-91. Wylst se oan de oare kant wol begripen as ‘volks’, volksschrijver’ en ‘volksaardig’ brûkt (mar net útleit). Wol hellet se oan dat ‘de Friese beweging’ yn 1916 ferlet hie fan ‘inspirerende voorbeelden uit het verleden als tegenwicht tegen de kritiek van de aanstormende jongere generatie, die de hele volksschrijverij, het populaire werk van de Halbertsma’s incluis, als niet-artistiek bestempelde.’Tineke Steenmeijer-Wielenga, ‘Meer literatuur voor meer mensen. Van 1822 tot 1915’, yn: T. Oppewal e.o.Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Bert Bakker, Amsterdam 2006), s. 79.

De falske tsjinstelling tusken realisme en artisiteit dy’t alsa net inkeld yn ’e hânboeken ponearre mar der ek kontinuearre wurdt, is in ideologysk wapen fan it Fryske nasjonalisme en is derop rjochte om maatskiplike en literêre tsjinstellingen ûnder de tafel te wurkjen. Literatuer wurdt út ’e maatskippij tild dêr’t er út fuortkomt en benammen besnuffele op saneamde ‘artistike’ kwaliteit en ‘persoanlike’ keunst, as soe it iene neat mei it oare te krijen hawwe en soene artistike operaasjes gjin inkeld ferbân hâlde mei, noch reagearje kinne op it maatskiplike fjild dêr’t se yn plakfine. Sokke literatuer fan en troch it folk wurdt elke ‘artistike’ kwaliteit ûntsein, as soe der gjin ferbyldings- en foarmkrêft, kulturele ûntwikkeling en ambachtlike behearsking fan it skriuwfak foar noadich wêze, mar inkeld talint foar niteljen, stikelstekken en ‘rimeljen’.

Om dat dearinnend paad te ferlitten is it al genôch om it wurk fan makket net út wa ‘folksskriuwer’ yngeand te skôgjen, mar om ferklearje te kinnen wat wy dan sjogge is der mear noadich. It is dan gaadlik om de folksskriuwerij te beskriuwen as in foarm fan it bedriuwen fan folkloare, yn ’e betsjutting fan it fêstlizzen, skeppen en fernijen fan folkskultuer. It is dus in kommunikatyf proses. In ferneamde definysje fan folkloare joech de Amerikaanske folkorist Dan Ben-Amos: folkloare is ‘artistic communication in small groups’.Dan Ben-Amos, ‘Toward a definition of folklore in context’, Journal of American Folklore 84-331 (1971), s. 3-15. De Amerikaanske kommunikaasjewittenskipper Stephen Olbrys Gencarella skerpe dat oan ta ‘a ‘constitutive rhetoric, the act of which establishes a “folk” – and their adversaries – as a political category’.Stephen Olbrys Gencarella, ‘Constituting folklore. A case for Critical Folklore Studies’, Journal of American Folklore 122-484. Spring 2009, s. 172-196. Yn it ferlingde dêrfan kin de njoggentjinde-ieuske Fryske folksskriuwerij ferskine as it skeppen troch middel fan teksten en foardrachten fan in spesifike (Frysktalige, lytsboargerlike, frijsinnige, liberale) ‘imagined community’ yn in spesifyk maatskiplik fjild fan krêften.

Sjocht men dan nei de tekstproduksje fan Fryske skriuwers dy’t gewoanlik yn ferbân brocht wurde mei sawol de as romantysk beskreaune ‘Iduna-skoalle’ as de saneamd sljochte fotografearderij fan de ‘folksskriuwerij’, dan giet it yn beide gefallen net inkeld om rekonstruksjes fan tradisjonele ferhalen, om mytes, sagen en mearkes of om oertsjûgingen. It giet likegoed om konstruksjes fan reaksjes op ûnderskate eigentiidske ekonomyske, sosjale en kulturele fenomenen. Faak wurde yn teksten en foardrachten tradysjes kombinearre mei aktuele ynhâlden. Ek in as folksoerlevering ferteld mearke kin mei mear as ien doel foar eagen werskreaun wurde, in foarbyld is it mearke fan de duvel, de hoanne en de ûlebuorden dat wy sawol by Sytstra as by Waling Dykstra oantreffe.Abe de Vries, ‘Neo-folk as krityk op it kapitalisme. Waling Dykstra en “De stiennen ûlebuorden”’, Fers2 3-19 (26 novimber 2017). Webside: <http://www.fers2.eu/neo-folk-as-krityk-op-it-kapitalisme/>. Krigen 7 desimber 2017.

Dat de Fryske folksskriuwerij in ynherint op de maatskippij belutsen literatuer is, docht ek bliken út it hjir behannele wurk fan Wynsen Faber. In beneiering fan sokke literatuer inkeld op basis fan modernistyske of nasjonalistyske literêre kritearia, sa’t wenst is yn de ‘Fryske kanon’, giet ek op it teoretysk mêd fierstente soargeleas – reaksjonêr suver – foarby oan de engazjearre ynhâld en bedoeling dy’t de kearn derfan útmeitsje en syn estetika meibepale. Soks suggerearret dat in oare ûndersyksstratezjy noadich is, yn de wurden fan Gencarella:

Overt attention to the ways that folklore constitutes a folk and in return creates opportunities to employ that folk as a social and political category encourages academic and public sector folklore to address machinations of power, dominance, and the partisan use of popular moralities.Stephen Olbrys Gencarella, ‘Constituting folklore. A case for Critical Folklore Studies’, Journal of American Folklore 122-484. Spring 2009, s. 172-196, s. 179.

Folkloare as subalterne kultuer stiet neffens Gencarella, dy’t hjir fierder borduert op de ferneamde ideeën fan Antonio Gramsci oer cultural hegemony, kritysk foaroer: 1) de kultuer fan sosjaal dominante groepen, troch alternative of subalterne praktiken nei foarren te bringen of te ymplisearjen; 2) de eigen praktiken, foarsafier’t se alternative of subalterne praktiken ûnderdrukke; en 3) de eigen praktiken, foarsafier’t se bydrage oan struktueren fan dominânsje. It hjir behannele wurk fan Faber lit foarbylden sjen fan sawol 1) (it propagearjen fan frijsinnigens, it uterjen fan krityk op earmoede) as 3) (it kritisearjen fan alkoholisme, fan it ferûnachtsumjen fan it Frysk).

Wol liket it foarbyld fan Faber te ymplisearjen dat de Gramsciaanske dichotomy fan ‘subalterne’ en ‘dominante’ groepen te min rekkenet mei it heterogene karakter fan sociale subalterniteit en dominânsje, dat yn alle gefallen yn de lokale praktyk fan in Frysk-kulturele romte yn it midden fan de njoggentjinde ieu in koalysje-sitewaasje sjen lit. In skets fan maatskiplike ferhâldingen dêr’t Faber mei te krijen hie, toant ommers oan dat it liberaal-frijsinnige karakter fan syn gedichten just net op spande foet stie mei it tinken fan de lokale en regionale elites fan syn tiid yn de noardlike Lytse Bouhoeke. It waard der miskien sels wol troch mooglik makke. Syn wurk, en wat dat oanbelanget in protte fan wat ek oare wurkjende leden fan it Frysk Selskip út ’e wei setten, wie op it religieuze en morele mêd net stridich mei de belangen fan beskate lokale frijsinnich-liberale elites. Dêrby kaam dat it doel om de Fryske taal te befoarderjen ûnder leden fan lokale plattelânselites folle minder kontroversjeel wie as ûnder fertsjintwurdigers fan Nederlânsktalige urbane bestjoerselites. Wie it ommers net goed dat it folk de frijsinnichheid en it liberalisme ta him nimme koe yn de folkstaal? Yn de tsjerken wie it Frysk net yn tel, mar der wie neat op tsjin om de ‘goede’ rjochting nei foarren komme te litten yn literêre blêden.

It adressearjen fan demokratyske en sosjale fraachstikken hat, sa’t wy sjoen hawwe, in lange tradysje yn ’e noardlike Lytse Bouhoeke en hat syn woartels yn ’e patriottyske beweging. In religieuze, konservatyf-sosjale beweging as de Ofskieding is oan de krite fierhinne foarbygien. De ‘sosjale kwesty’ ûntstie hjir krekt, lykas oeral yn Nederlân, yn de tachtiger jierren, politisearre troch de doe opkommende sosjalistyske beweging. Dêr hat Faber net mear oan meidien, hy wie doe al oer de santich en koe lykas Waling Dykstra net mear de man wêze om mei de ‘nije tiid’ fan Piter Jelles Troelstra mei te gean.

Mar men moat net de flater meitsje en projektearje it sosjaal-konservative liberalisme fan it Frysk Selskip nei 1880 werom op de folle progressivere folksskriuwerij yn de fyftiger jierren. As Piebenga oer de folksskriuwerij skriuwt dat dy foar ‘de minske-fan-hjoed’, dy’t ‘fan de skriftekennisse inkeld it jaen fan taelmoais bigeart’, ferfeelsum en sels ‘ûngenietber’ is,Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (1e pr. 1938; Laverman, Drachten 1957), s. 137. dan kin dat net allinnich noait op it wurk fan Faber slaan, mar it is lykas sein ek nochal in reaksjonêre oanslach, hielendal yn it spoar fan de Jongfryske Mienskip en syn foaroanman Douwe Kalma, op dyselde skriftekennisse. ‘Inkeld taalmoais’ joech it Frysk-kristlike nasjonalisme dat Piebenga en safolle oaren yn de Fryske literatuer oanhongen ommers ek net, mar dat waard yn de kanonfoarming net sinjalearre. Der bestean, by myn witten, bûten Fryslân lykwols gjin tsjintwurdich noch serieus nommen literatueropfettingen mear dy’t derfan útgean dat literatuer út ‘inkeld taalmoais’ (l’art pour l’art) bestiet of bestean kin. Literatuer is in yndividueel-artistike mar altyd ek in artistyk-sosjale praktyk; literatuerkrityk dy’t dy namme fertsjinnet, en gjin ferklaaide partijpolityk is, kin en wol dêr net omhinne.

De maatskiplike relevânsje dy’t de folksskriuwer foar syn ‘imagined community’ kreëarret, troch yn estetyske teksten en foardrachten folkstradysjes nei foarren te bringen, te konstruearjen en te rekonstruearjen, makket part út fan syn raison d’être. Oars as de Fryske kanon it wol, toane de yn de fyftiger jierren publisearre fersen fan Wynsen Faber foar elk dy’t lêze kin, en wol, sinneklear oan dat er ien fan de meast relevante Fryske dichters fan dy tiid wie. Hy hat in lyts oeuvre neilitten dat ek nei mear as hûndertfyftich jier noch in sêft mar helder, Pitersbierrumer ljocht oer de Fryske literatuer skine lit.

Noaten

  1. Reinder Brolsma, ‘Door de Noorder bouw. Mensen en vruchten’, Nieuwsblad van Friesland (4 augustus 1947). Oare ôfleveringen 25 augustus 1947, 3 septimber 1947, 1 oktober 1947, 12 novimber 1947.
  2. Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (1e pr. 1938; Laverman, Drachten 1957) s. 165.
  3. G.A. Wumkes, Bodders yn ’e Fryske striid (Boalsert, Osinga 1926) s. 388 pleatst him yn it rychje ‘meistriders en meiwurkers fen Waling Dykstra’ en ek Piebenga (1957) behandelet him yn it haadstik ‘Folksskriuwerij’.
  4. It brede, lytsboargerlike emansipaasjeproses yn Fryslân nei de boargerlike revolúsje fan 1848 wurdt beskreaun yn Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda. Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Fryske Akademy, Leeuwarden 1998).
  5. Bruce Grelle, Antonio Gramsci and the question of religion. Ideology, ethics, and hegemony (Routledge, Londen/New York 2017) s. 35: ‘Gramsci most often used the term “folklore” to embrace the popular culture of subordinate groups in society and their interpretations of everyday experience at their own intellectual, moral, and religious level’. In nijsgjirrige behanneling fan Gramsci’s ideeën oer folkloare yn: Stephen Olbrys Gencarella, ‘Constituting folklore. A case for Critical Folklore Studies’, Journal of American Folklore 122-484. Spring 2009, s. 172-196.
  6. Gerben Postma, ‘W. Faber, de Fryske skriuwer-dichter, 21 Aug. 1910 tachtig jier âld wirdend’, Leeuwarder Courant (22 augustus 1910); Gerben Postma, ‘1830-21 Aug. 1910 : de 80-jierrige folksfreon Wynsen Faber en syn oare helte, to Pitersbjirrum’, Sljucht en Rjucht 1910, s. 366-367, 369-371, 373-376; J.J. Hornstra, ‘Fryske skriuwers: Wynsen Scheltes Faber’, Fryslân 12 (1931) s. 17-21; Andries Stienstra, ‘Earnst en koartswyl. Wynsen Faber’, Frysk en Frij (13 septimber 1980).
  7. Sjoch Gencarella (2009), fierder bouwend op ûnder mear Dan Ben-Amos, ‘The seven strands of tradition. Varieties in its meaning in American Folklore Studies’, Journal of Folklore Research 21-2/3. Culture, Tradition, Identity Conference, March 26-28, 1984. May-December, 1984, s. 97-131.
  8. Biografyske gegevens mei basearre op befolkingsargiven tagonklik fia <www.allefriezen.nl> en de yn noat 7 neamde literatuer.
  9. Fryske Akademy, ‘Schoolmeesters te Pietersbierum’, Oud-Tzummarum en omstreken, g.d. Website: <http://www.oudtzummarum.nl/html/pietersbierum3967.htm>. Krigen 7 desimber 2017.
  10. Philippus Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875 (Wijdemeer, Leeuwarden 2014) s. 188.
  11. Gerben Piters Colmjon, ‘Harmen Sytstra’, Forjit my net! Rym en ûnrym. Trettsiende boek (N.A. Hingst, Apeldoorn 1883), s. 49-94.
  12. Meindert Attes Hibma yn De Tijd (21 july 1880): ‘Barradeel, 19 juli. ’t Volgende verwekt in deze gemeente veel sensatie.’ Ek: ‘Besluiten en benoemingen’, Algemeen Handelsblad (14 juny 1883). ‘Behandeld werd [bij de Raad van State]: het beroep van W.S. Faber, hoofd der openbare lagere school te Pietersbierum, gemeente Barradeel, tegen de besluiten van Gedep. Staten van Friesland van 8 maart 1883, No. 37, 3de afd. S. en No. 38, 2de afd. F., strekkende het eene tot goedkeuring van een raadsbesluit van 7 Nov. 1882, No. 8/1806, tot regeling van de jaarwedde van den appellant, het laatste tot goedkeuring der begrooting der gemeente Barradeel voor 1883. Rapporteur, de staatsraad De Vries.’ ‘Binnenland’, Algemeen Handelsblad (28 july 1883): ‘W.S. Faber, hoofd der openbare lagere school te Pietersbierum, tegen besluiten van Gedep. Staten van Friesland (..) ‘vernietigd het besluit van Ged. Staten van Friesland en beslist, dat het besluit van den Gemeentenraad van Barradeel niet vatbaar is voor de goedkeuring, met bepaling, dat de vaste jaarwedde, den onderwijzer uit de gemeentekas toekomende, blijft vastgesteld op f 800,-.’ ‘Binnenland’, Algemeen Handelsblad (22 desimber 1883): ‘Door het gemeentebestuur van [Barradeel] en kerkvoogden der hervormde gemeente van Pietersbierum is eene overeenkomst aangegaan, strekkende tot betaling door de kerkvoogden aan de gemeente Barradeel of het dorp Pietersbierum eener jaarlijksche vaste bijdrage van f 250,- ter tegemoetkoming in de jaarwedde van den onderwijzer W. Faber, hoofd der openbare school aldaar, te rekenen van 1 Januari 1883 af.’
  13. ‘Particuliere Correspondentie’, Leeuwarder Courant (9 desimber 1889).
  14. J. van Loon Jz. En M. de Boer, Frysk Lieteboek. In gearjefte, de Friezen oanbean. Op 'e nij biwirke en neigien fen T.E. Halbersma en W. Faber (R. van der Velde, Ljouwert 1899).
  15. P. de Clerq, Over de bevordering van en het onderwijs in de Friesche taal / Oer de bifoardering fen en it underwiis yn de Fryske tael [brosjuere, 1900].
  16. [W. Faber], ‘Oudheidkundige Mengelingen. Jacob en Adriaan van Cronenburg’, Leeuwarder Courant (12 febrewaris 1890; 19 febrewaris 1890).
  17. W. Faber, ‘Iets uit de Kerkeboeken van Pietersbierum’, Leeuwarder Courant (10 maart 1894).
  18. W. Faber, ‘In wirdtsje oer it keatsen en yet hwet’, Leeuwarder Courant (5 juny 1899).
  19. Opnaam yn P. Boorsma, T. Oppewal en G. Visser, red., Spiegel van de Friese poëzie. Van de zeventiende eeuw tot heden (Meulenhoff, Amsterdam 1994) s. 84.
  20. S. van der Burg, P. de Clercq, G. Postma, O.H. Sytstra, red., Earefrissel for master W. Faber to Pitersbjirrum mei syn tachtichste jierdei, fen ûnderskate Fryske frjeonen by inoar garre (Eisma, Ljouwert 1910). Sinjalearre troch Cornelis Wielsma, ‘Nije Fryske Utjeften’, Leeuwarder Courant (19 desimber 1910): ‘Under de meiwurkers telt men û.o. leden fen ’t Christlik Frysk Selskip.’
  21. ‘Gerechtelijke aankondigingen. Onder –curateele-stellingen’, Nederlandsche Staatscourant (3 desimber 1918): ‘Bij vonnis der arrondissements-rechtbank te Leeuwarden, van 21 November 1918, is Wijnsen Faber, rustend hoofdonderwijzer, wonende te Pietersbierum, wegens zwakheid van vermogens, op eigen verzoek, gesteld onder curateele.’
  22. ‘Frysk Selskip’, Leeuwarder Courant (30 desimber 1918).
  23. Piebenga (1957), s. 165.
  24. T. Oppewal e.o., Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Bert Bakker, Amsterdam 2006).
  25. Douwe Kalma, De Fryske skriftekennisse. 2 Dln. (Kamminga, Dokkum 1928-1939).
  26. G.A. Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (Osinga, Boalsert 1926); ib., Paden fen Fryslân. Samle opstellen. 4 Dln. (Osinga, Boalsert 1932-1943).
  27. W. Faber, ‘Us libben’, Iduna 1849, s. 69-70.
  28. Id., ‘In simmerjûn’, Iduna 1849, s. 102-104.
  29. Id., ‘Yn ’t moaie waar’, Iduna 1850, s. 119-120.
  30. Iduna 1850, s. 126-127; Iduna 1852, s. 92-94; Swanneblommen 1852, s. 55-57; De Fryske Húsfreon 1853, s. 285-288; Iduna 1854, s. 27-28; Iduna 1854, s. 28; Iduna 1854, s. 153-154.
  31. W. Faber, ‘De krúk giet te wetter sa lang as se brekt’, Iduna 1849, s. 157-159.
  32. Id., ‘Farrewol oan myn wenpleats’, Iduna 1849, s. 189-190.
  33. Id., ‘Teade-omme’, Iduna 1850, s. 142-144.
  34. Id., ‘Eginard en Emma’, De Fryske Húsfreon 1851, s. 209-214.
  35. Id., ‘De Fryske sprake’, Swanneblommen 1851, s. 10-11.
  36. Id., ‘De hear in slaaf’, Iduna 1853, s. 145-147.
  37. Id., ‘Feroaring’, De Fryske Húsfreon 1853, s. 285-288.
  38. Id., ‘It eigen Ik’, Iduna 1854, s. 18-19.
  39. Id., ‘Oertinkingen op it deadehôf’, Iduna 1854, s. 119-122.
  40. Id., ‘It is mei sizzen net te dwaan’, Iduna 1854, s. 174-177.
  41. Meidieling fan Philippus Breuker, 15 maart 2009.
  42. Brolsma (1947).
  43. Ibid.
  44. ‘Albert Bruining’, yn: A.J. van der Aa, Biographisch woordenboek der Nederlanden. Dl. 2. Derde en vierde stuk (Van Brederode, Haarlem 1855), s. 1503. Ek: J. van Sluis, ‘Bruining, Albertus’, yn: Biografisch lexicon van het Nederlandse protestantisme. Dl. 5 (2001), s. 99.
  45. ‘Gérbrand Bruining’, yn: Van der Aa, s. 1500-1502. Ek: W. Heijting, ‘Gerbrand Bruining’, yn: Biografisch lexicon van het Nederlandse protestantisme. Dl. 5 (2001), s. 1001-101.
  46. M.J. Aalders, ‘A. Bruining. Een biografische schets’, g.d. Website M.J. Aalders: <http://www.mjaalders.nl/wetenschappelijk-werk-othermenu-33/publicaties-op-het-web-othermenu-38/57-a-bruining>. Krigen 7 desimber 2017.
  47. Fricke Oosten, ‘Bruining, Nicolette Adriana’, yn: Digitaal Vrouwenlexicon van Nederland. Website: <http://resources.huygens.knaw.nl/vrouwenlexicon/lemmata/data/Bruining>. Krigen 7 desimber 2017. Ek: M.C. Jongeling, ‘Bruining, Nicolette Adriana’, yn: Biografisch lexicon van het Nederlandse protestantisme. Dl. 3 (1988), s. 61-62.
  48. Aalders, g.d.
  49. Sjoch ‘Ynze Klaazes de Boer’, GeneaNet, g.d., Website: <https://gw.geneanet.org/natascha1977?lang=no&p=ynze+klaazes&n=de+boer>. Krigen 7 desimber 2017. Ek: W. Faber, [sûnder titel], Leeuwarder Courant (19 desimber 1892).
  50. Klaas Sjoerds de Boer, ‘Pietersbierum omstreeks 1880 in foto’s’, Argelander Institut für Astronomie (ALFA), Universität Bonn, 5 juny 2014, Website: <https://astro.uni-bonn.de/~deboer/genea/ks/barradeel/Pietersbierum1880.html>. Krigen 23 novimber 2017.
  51. ‘Klaas Sjoerds de Boer (*1873) met Trijntje Gelsche Hoogland (*1876-1909) en Trijntje Samuels Schuiling (*1874) Notities’, Argelander Institut für Astronomie (ALFA), Universität Bonn, 14 july 2015, Webite: <https://astro.uni-bonn.de/~deboer/genea/ks/ks21mclips/ks21m-clips.html>. Krigen 7 desimber 2017.
  52. ‘Klaas de Boer (*1873) and Trijntje Gelsche Hoogland (*1876-1909) and Trijntje Samuels Schuiling (*1874)’, Argelander Institut für Astronomie (ALFA), Universität Bonn, 30 april 2016, Website: <https://astro.uni-bonn.de/~deboer/genea/ks/ks21m-e.html>. Krigen 7 desimber 2017.
  53. ‘In historisch hoofd-artikel’, Provinciale Friesche Courant (12 maaie 1853).
  54. Brolsma (1947).
  55. Piebenga (1957), s. 137.
  56. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (2e pr.; Afûk, Ljouwert 1997), s. 46.
  57. Tineke Steenmeijer-Wielenga, ‘Meer literatuur voor meer mensen. Van 1822 tot 1915’, yn: T. Oppewal e.o. (2006), s. 54-91.
  58. Ibid., s. 79.
  59. Dan Ben-Amos, ‘Toward a definition of folklore in context’, Journal of American Folklore 84-331 (1971), s. 3-15.
  60. Gencarella (2009).
  61. Abe de Vries, ‘Neo-folk as krityk op it kapitalisme. Waling Dykstra en “De stiennen ûlebuorden”’, Fers2 3-19 (26 novimber 2017). Webside: <http://www.fers2.eu/neo-folk-as-krityk-op-it-kapitalisme/>. Krigen 7 desimber 2017.
  62. Gencarella (2009), s. 179.
  63. Piebenga (1957), s. 137.

Mear fan Abe de Vries

‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie
1 2 3 4 5 6 7 8 9