image Fers2

Poëzij

Bert de Vries - Fers2 nû. 5.13, 8 septimber 2019

Gûl – de myte fan de Wâlden

grûn poer de noarm fan t hammer sichte en skeppe folk

      strune oareman en ik yn fûleindich ljocht lâns beammewâl

      driuwt it hert ús bloed tsjok donkerread hast swart de boaiem yn

      op it moed en oer it praat fan oareman of ik falt gjin inkel skaad

fan Bijke deaskopt troch sûne jongens

fan kont en eagen fan sûne fammen mei sûne jongens op e taast folslein it paad bjuster

      mei flink de sokken deryn omraak dolle gleon frije frette heisterje en jeie

fan griemers yn e Ritskeloanebosk

fan fertinkings kommunisearje yn grûntoanen

      en kreas knibbelje yn t fek mei skjin sân foar God mem en de klinkerts

      de gerdynen leaver ta want yn de Heare en Jezus

fan haadmaster skriftgelearde hillich heech op e leider taaste nei hammer spiker

en in sitplak yn e himel

simmerdei in minne dei set ik sinneskyn teplak op oaremans gesicht

mar hy ferjit dat er flaters makket

      my twingt te flechtsjen troch sleatten hinne oan e leasken ta yn e drek

yn ûnderwâl en strewelleguod loarket ‘Tiger tiger’

      de skuld en ûnskuld fan dat bist mei ik lykwols leaver as dy fan oaremans en syn sûne

      folk

it boadskip komt mei’t yn e Wâlden in heilhiersoldaat fan de Heare

mei fûle swarte eagen omswalket swierbepakt syn wapen ûntskoattelet

asto him oansprekst wat freegje wolst

sa fier is it al hinne

hawar

myn fel myn fleis myn bonken

dêrefter driuwt dêr mids it hert krampich de lije stream tsjok bloed donkerread hast swart

sa sûn nei lichem geast en siele dat ik net mear gûl

Mear fan Bert de Vries

0 results