name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Poezij

HIndrik J. Brouwer - Fers2 nû. 3.20, 10 desimber 2017

Ik bin

 

image hindrik j brouwer

 

 

Ik rin troch de smelle gongen;

kasten, kasten, links en rjochts,
laden fol dokuminten,
doalhôf, geheim argyf.
 
In finster op it Easten.
Ik mikerje yn ’e fierte.
Ljocht, ljocht, ljocht,
ljocht troch de dize.
Wêr is de leafste?
 
Ik wurd sjoen,
dus ik bin.