name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

In manifest ut de Nederlanske perifery

Literere ferwizingen yn ‘De winskhoed fan Fortunatus’

Abe de Vries - Fers2 4.12, 17 juny 2018

fortunatus dykstra yntertekstualiteit image

 

 

Summary

How did mid-19th-century, low status Frisian realist literature, as part of an upcoming minority language literature, try to establish itself as a ‘serious’ field of cultural activity vis a vis the literary tradition of the dominant Dutch state language? The present article looks into the use of specific intertextuality in literary discourse. First, it highlights realist commentary on traditional romanticist idealization of rural life in one early long story, ‘The Wishing-hat of Fortunatus’, written by the most important Frisian realist writer of his day, Waling Dykstra (1821-1914). Second, it categorizes the many literary references in that story. Ultimately, the article traces how the literary device of specific intertextuality was used in the process of self-definition and self-presentation of early Frisian realism. Findings point to a close relation – contrary to historical opinion – between early Frisian realism on the one hand, and Dutch and European literature and literary traditions on the other.

Keywords

Frisian realism, Waling Dykstra, specific intertextuality, minority language

 

 

 

De winskhoed fan Fortunatus’ telt 174 siden en 52.000 wurden. It is it ferhaal dat de ‘winskhoedskriuwer’ Japik Japiks – in pseudonym fan de Fryske skriuwer Waling Dykstra (1821-1914) – fertelt oer syn ûndersyk nei de etyk fan minske en maatskippij. Yn de foarm fan in ynlieding en trettjin ôfleveringen ferskynde it yn Dykstra syn tydskrift De Fryske Húsfreon yn de jierren 1851-1853.De fjouwer folle lettere ôfleveringen fan it ferfolch, ‘De nije winskhoed’ yn De Fryske Húsfreon 13 (1863) en 14 (1864) bliuwe hjir bûten beskôging. Hoewol’t it noait as ôfsûnderlike publikaasje ferskynd is, en net foarkomt yn Fryske kanonrychjes, is it in hiel nijsgjirrich ferhaal. Op it foarste plak om’t it programmatysk de ôfstân markearret fan it nije Fryske realisme ta de romantyk, twads, om’t it him eksplisyt ferhâldt ta foaral Nederlânske en yn mindere mjitte bûtenlânske literatuer. Beide kearen docht it ferhaal dat troch it tapassen fan spesifike yntertekstualiteit, de streekrjochte ferwizing nei eardere skriuwers of harren wurk. Yn dy beheinde betsjutting sil ik it begyp hjir fierder brûke.Sjoch foar in teoretyske behanneling fan it begryp Graham Allen, Intertextuality (Routledge, Londen/New York 2000).

Yntertekstualiteit, as in bepalende en konstituearjende literêre technyk, is yn Frysk-literêr wurk fan it midden fan de njoggentjinde ieu noch net folle fan oanwiisd.Ik tsjut hjir op de saneamde spesifike yntertekstualiteit, nei G.J. van Bork et.al., Letterkundig lexicon voor de neerlandistiek (DNL 2002-). Literêr-histoarysk jildt yntertekstualiteit as ferset tsjin de romantyk: ‘Intertekstualiteit wordt gezien als een reactie op literatuuropvattingen van de romantiek waarin de auteur gezien werd als een geniaal en volstrekt oorspronkelijk en onafhankelijk individu dat alleen originele teksten produceerde. Moderner auteurs hanteerden een andere schrijfwijze, waarbij genreconventies doorbroken worden en bestaande teksten in de eigen tekst werden geïncorporeerd, al dan niet met bronvermelding. Daarmee werden originaliteit en individualiteit ter discussie gesteld.’ Webside: http://www.dbnl.org/tekst/bork001lett01_01/bork001lett01_01_0010.php. Krigen 9 maaie 2018. Ut ûndersyk is lykwols bekend dat ek yn folksliteratuer tekstuele ferwizingen nei it kollektive ûnthâld ynset wurde om âld en nij yn in oare kontekst sjen te litten, bygelyks foar de konstruksje fan ‘new social myths’Nancy Vogeley, ‘Intertextuality and nineteenth-century nationalism: Perucho, nieto de Periquillo’, Bulletin of Hispanic Studies 71:4 (1994) 485-497, 485. of it kommunisearjen fan subnasjonale of sosjale krityk.Susan Stewart, Nonsense. Aspects of intertextuality in folklore and literature (John Hopkins University Press, Baltimore and London 1978) 57-66. Nei de oarloch hawwe Fryske ûndersikers as Ype Poortinga, Gerben Visser, Tony Feitsma en Klaes Dykstra ‘De winskhoed fan Fortunatus’ inkeld lêzen as in oerdreaun ‘moralistysk’ ferhaal fan in ‘preekjende’ auteur dy’t in flauwe keunstgreep úthellet, mar der liket alle reden te wêzen om it ferhaal ek te relatearjen oan syn nasjonale en ynternasjonale literêre konteksten. Yn syn kombinaasje fan yntertekstualiteit en omtinken foar maatskiplike misstannen lit ‘De winskhoed fan Fortunatus’ him bygelyks lêze as in anty-romantyske reaksje op Beatus ille-literatuer, en mear yn it algemien as in Fryske fuortsetting fan Nederlânske boargerlike en folkse literêre tradysjes.

Opmerklik grut is it tal ferwizingen dat de skriuwer brûkt nei oare, dat wol sizze net-Fryske, foaral Nederlânske literatuer, sawol boppe as yn de tekst. In ynventarisaasje fan yntertekstuele fynplakken smyt 48 eksplisite ferwizingen op nei wurk fan in oare skriuwer (sjoch bylage); 43 kear dêrfan giet it om net-Fryske literatuer. It yn kaart bringen fan dizze literêre ferwizingen sil ús mooglik mear fertelle kinne oer de yn it midden fan de njoggentjinde ieu besteande ferhâlding tusken Fryske en Nederlânske – en Europeeske – literatuer en literêre opfettingen. It sil dêrneist in byld opsmite fan wat de jonge Waling Dykstra (hy wie tritich jier doe’t er mei ‘De winskhoed’ út ein sette) oan lêsûnderfining meinaam en yn stelling brocht.

Romantyk fersus realisme

De grutte hoemannichte fan de ferwizingen, en it feit dat it giet om sawol sechstjinde, santjinde, achttjinde as njoggentjinde-ieuske boarneteksten, suggerearret dat ‘De winskhoed fan Fortunatus’ ynbêde is yn in langer rinnend Nederlânsk (en Europeesk) literêr discours. As literatuer fan de opkommende plattelânsboargerij yn dielen fan it noarden fan Nederlân, wie it betide Fryske realisme yn it midden fan de njoggentjinde-ieu in minderheidstalich fenomeen dat syn skriuwers foar in tal problemen stelde. Skriuwers yn in folkstaal dy’t in protte praat, mar op skoalle net ûnderwiisd waard, moasten harsels mei in ‘politics of recognition’Charles Taylor, ‘The politics of recognition’, yn: Amy Gutmann, red., Multiculturalism and the politics of recognition (Princeton University Press, Princeton 1994) 25-73. pleatse yn in respektabele literêre tradysje. Inkeld sa mochten se hoopje op in publyk grut genôch om in Fryk-literêre ynfrastruktuer foar harren produkten mooglik te meitsjen. Harren fjild fan belangstelling waard dan ek yn brede sin it deistige sosjale, morele en religieuze libben fan de rurale, post-1848 civis.

‘De winskhoed fan Fortunatus’ begeliedt dy Fryske civis op syn sosjale en morele paad, liedt him wei fan de romantisearring en de idylle, en wiist him op de needsaak fan aktuele soarch en kristlik hanneljen. It ferhaal set út ein as in romantyske ramtfertelling. De ik-persoan begjint mei in stik nei te fertellen út in âld folksboekje: Een Nieuwe Historie van Fortunatus Borse, en van zijnen Wenschhoed. Yn syn jongesjierren hie er dat by him thús op souder oantroffen yn in kist fol boeken. It fan oarsprong Dútse, mar al gau oer hiel Europa fersprate ferhaal, dat út de sechstjinde ieu datearret, giet oer Fortunatus, in Cyprioat dy’t in winskhoed yn hannen krijt dy’t him oeral bringt dêr’t er mar winsket te wêzen. Dy hoed is úteinlik by de skriuwer Japik Japiks telâne kaam; it eigentlike ferhaal giet dan oer de ûnderskate minsken dêr’t Japiks de petearen fan beharkje koe.

Fan it folksboek neamt de skriuwer de titel fan de printinge fan S. en W. Koene te Amsterdam (1796). ‘Hwet der yn bescreaun stie scil ik hier yn ’t koarte forhelje’, seit er. Mar dat docht er net, want de tekst folget dan de njoggentjinde-ieuske gearfetting troch de lettere ryksargivaris L.P.C. van den Bergh, publisearre yn syn De Nederlandsche volksromans. Eene bijdrage tot de geschiedenis onzer letterkunde (Schonekat, Amsterdam 1837). Yn de ynlieding fan dat boek nimt Van den Bergh it op foar folksliteratuer:

De geschiedenis onzer letterkunde is tot nog toe slechts zeer onvolledig behandeld en meer dan een vak geheel onbearbeid gebleven. Voornamelijk is dit met dat gedeelte onzer literatuur het geval, hetwelk tot de mindere volksstanden behoort en hun bijzonder eigendom geworden is, hetzij dan dat men hetzelve over het hoofd zag of met te veel minachting beschouwde, om de aandacht der letterkundigen of zelfs der beschaafden te verdienen.L.P.C. van den Bergh, De Nederlandsche volksromans. Eene bijdrage tot de geschiedenis onzer letterkunde (Schonekat, Amsterdam 1837) iii.

Van den Bergh wie ‘een romantisch geleerde – romantisch in zijn liefde voor Nederlands verleden, voor Nederlandse taal’R. Pennink, Nederland en Shakespeare. Achttiende eeuw en vroege romantiek (Martinus Nijhoff, Den Haag 1936) 191. en pleitet út dat perspektyf wei foar omtinken foar ûnder mear it Fortunatus- en it Ulespegel-ferhaal. Men kin jin yntinke dat Waling Dykstra de ynlieding meistimmend lêzen hat. Net inkeld de mear ûntwikkele rûnten yn hiel Nederlân, mar ek de hegere boargerij en adel yn Fryslân seagen wat del op skriuwerij oer en foar ‘it folk’, it metier dêr’t hy him krekt op útlei.

Yn it fierdere ferrin fan ‘De winskhoed fan Fortunatus’ spilet it midsieuske boarneferhaal lykwols gjin rol; de winskhoed is net mear as de fertelkonstruksje dy’t it de skriuwer mooglik makket om as ‘magyske bûtensteander’ – as skriuwer – de finger oan de pols fan eigentiidske maatskippij en minsken te lizzen.Op sa’n selde weromferwizen nei in midsieuske aktor yn in eigentiidske, realistyske stoarje, dy’t fierder los fan syn romantyske foargonger stiet, is Dykstra syn twadde roman De Fryske Thyl Ulespegel (1860) basearre en ek dêr neamt de skriuwer it boek fan Van den Bergh. En al dalik yn de earste ôflevering, ‘Earmoed’, makket de winskhoedskriuwer in suver polemysk realistysk statement as er sjen lit wat foar him ‘folksliteratuer’ no krekt betsjut. De ik-persoan rint op in moaie winterdei earne bûtenút yn Fryslân en bringt him wat Nederlânsktalige dichtrigels yn ’t sin:

Ik groet u, kleene hut, verblijfplaats van de vrede
En lieflijk beeld der rust; o! Deel uw kalmte mede
Aan hem, wiens ziel zoo vaak met nevelen is omhuld,
Wiens hart met somberheid en weemoed is vervuld.

Het is de veldeling die ’t leven regt geniet,
Die op het stille land, in zijne hut van riet
Een vreedzaam leven leidt, en Hem alleen laat zorgen,
Van Wien het alles komt, voor Wien niets is verborgen.
Een kinderlijk geloof bezielt geheel zijn hart, –
Dat blijft hem immer bij, in voorspoed en in smart.
Hij gaat des morgens uit met de eerste zonnestralen,
Des avonds keert hij weer, als ’t licht begint te dalen
En rust van de arbeid uit; dus leeft hij op den duur –
De landman is het kind, de liev’ling der natuur.Japik Japiks [Waling Dykstra], ‘De winskhoed fan Fortunatus’, De Fryske Húsfreon 1 (1851) 58.

Dat is – de tekst fermeldt it net – it begjin fan it gedicht ‘Het landelijk gehugcht’ fan Martinus Hendrik de Graaff (1813-1887), te finen yn de Friesche Volksalmanak fan 1836.M.H. de Graaff, ‘Het landelijk gehugcht’, Friesche Volksalmanak 1836 (Schierbeek, Leeuwarden 1835) 95-98. It fers sjongt de lof fan it lânlibben en de ‘veldeling’ mei syn ienfâldich bestean en leauwe, in lof dy’t útsprutsen wurdt troch immen út ’e stêd, analooch oan ‘Epoade 2’ fan Horasius, dêr’t it begjin fan as motto boppe it fers pleatst is.Beatus ille, qui procul negotiis, / Ut prisca gens mortalium, / Paterna rura bobis exercet suis, / Solutus omni foenore’: Lokkich is hy, dy’t fier fan ’t drok bedriuw, / Lykas it oerâlde slachte fan stjerlingen, / Mei eigen oksen syn heite jikkers bewurket, / Frij fan alle skulden. De Graaff wie redakteur fan de Provinciale Friesche Courant en auteur fan ûnder mear in populêre samling ‘historisch-romantische’ ferhalen.M.H. de Graaff, Historisch-romantische verhalen uit de geschiedenis van Friesland, Vlaanderen en Spanje (Bakker Nieuwediep, Leeuwarden 1844; 2e pr. Meindertsma, Leeuwarden 1845). Dalik nei dat sitaat lit Dykstra it werklike libben fan de lânman, ‘de liev’ling der natuur’, sjen. Dat is in stik minder romantysk. De winskhoedskriuwer rint in stikhinne op mei in wurkman, Libbe, en freget him nei syn faaks wol ‘rêstlik libben’:

„In rêstlik libben?” sei er, „it mocht ’n skyt! Men het it sa earmtlik dat men kin de bek net ophâlde, en men het in went, dat by reinich waar dript jin nachts it wetter op ’e kop. Ik sil teminsten mar ris wer nei de earmfâd ta, en twing ris wer oan, want hja wolle jin ek net skiklik ûnderhâlde.”Japik Japiks [Waling Dykstra], ‘De winskhoed fan Fortunatus’, De Fryske Húsfreon 1 (1851) 58.

De episoade ‘Earmoed’ hat twa motto’s meikrigen, ien fan de dichter Pieter Gerardus Witsen Geysbeek (1774-1833)‘’t Valt ligt een’ mensch te helpen; maar / Dit kiesch te doen, valt uiterst zwaar.’ Ut: ‘Hulp’, yn: P.G. Witsen Geysbeek, Puntdichten. Tweede deel [1809] (C.L. Schreijer, Amsterdam 1834) 29. en ien út it apokryfe boek Jesus Sirach.Jezus Sirach 18:15: ‘Wanneer gij weldoet, doe het zonder berisping, en laat uwe gift van geene bedroevende redenen vergezeld zijn. Is het niet de dauw, die de brandende hitte afkoelt?’ Sitearre út: J.H. van der Palm, grst., De apokryfe boeken des Ouden Verbonds (Du Mortier en Zoon, Leiden 1830) 20. Beide jouwe oan dat it belangryk is om minsken te helpen sûnder se yn ferlegenheid te bringen. It sitaat fan Witsen Geysbeek treffe wy in pear jier earder ek oan yn de periodyk fan it Nut.Yn de rubryk ‘Uit en voor het dagelijksch leven. De mensch en de opvoeding’, Bijdragen tot bevordering van de kennis en den bloei der Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen 3 (1844-1845) 16. De skriuwer fan de oanbelangjende rubryk jout in koarte typearring fan de sosjale filosofy en etyk yn de rûnten fan it Nut, in maatskiplike organisaasje dêr’t ek de winskhoedskriuwer him in pear kear op beropt:

Het is immers zoo, alleen een in waarheid zedelijk en godsdienstig mensch kan zijne betrekking in het maatschappelijk leven naar behooren en waardiglijk vervullen, terwijl aan den anderen kant hij niet gezegd kan worden waarlijk godsdienstig te zijn, die zich van zijne medemenschen afzondert, en aan een’ strijd voor de goede zaak der menschheid geen deel wil nemen.Yn de rubryk ‘Uit en voor het dagelijksch leven. De mensch en de opvoeding’, Bijdragen tot bevordering van de kennis en den bloei der Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen 3 (1844-1845) 16.

In stelling dy’t yn de rubryk fierder adstruearre wurdt mei oanhellingen fan Bilderdijk, Cats, Huygens en Vondel; dy’t sadwaande krêft byset wurdt meidat it ûnderlizzende gedachteguod relatearre wurdt oan Nederlânske literatuer. Sa kin men fan tinken wol hawwe dat yn ‘De winskhoed’ sawol boadskip as oertsjûgingsstratezjy lykstrike mei de bedoelingen en de oanpak fan de rubrykskriuwer fan it Nut.

Nettsjinsteande de romantyske ynklaaiing mei it Fortunatus-ferhaal, bringt de yntertekstualiteit yn ‘De winskhoed fan Fortunatus’ dus al gau it primaat fan it boargerlik idealistysk realisme oan it ljocht. It ferhaal stiet yn alle gefallen fier ôf fan de romantische plattelânsferhearliking fan De Graaff, dêr’t it him fan ôfgrinzget. De Graaff syn gedicht stiet yn in lange, Europeeske tradysje dy’t weromgiet op neo-latynske literatuer, en dy’t yn de ‘hofdichten’ fan de renêssânse yn grutboargerlike rûnten mei harren rike bûtenferbliuwen ta grutte bloei kaam.In oersjoch jout Willemien B. de Vries, Wandeling en verhandeling. De ontwikkeling van het Nederlandse hofdicht in de zeventiende eeuw (1613-1710) (Verloren, Hilversum 1998). Mar de échte ‘landman’, sa lit Waling Dykstra sjen, is yn it midden fan de njoggentjinde ieu yn Fryslân net perfoarst de ‘liev’ling der natuur’. It libben op it lân is yn werklikheid lang net sa idyllysk as Horasius en Vergilius it Romeinske lânlibben yn de earste ieu f.Kr. hawwe woene yn harren entûsjasme oer it politike en militêre lânherfoarmingsprogramma fan harren keizer Augustus.De Georgica fan Vergilius en de Epoade 2 fan Horasius binne ‘contemporaneous laudationes of country life in keeping with the Augustan program of reform’ en ‘are not likely to have been written in isolation from one another’. Robert W. Carubba, The Epodes of Horace. A study in poetic arrangement (Mouton, Den Haag 1969) 86. Lân waard ûnder Augustus oerdroegen fan grutgrûnbesitters en adel oan de boeren sels, dat wol sizze, oan demoblisearre soldaten dy’t foar har tsjinsttiid beleanne waarden mei lân en by steat steld waarden om boer te wurden. It positive plattelânsbyld tsjinne mei oare wurden as propagandamiddel foar de keizerlike polityk. De lânman is gauris in minske dy’t yn ’e knipe sit. Of dy’t it ferkearde docht, en dy’t it rjochte bybrocht wurde moat.

De literêre tradysje dêr’t Dykstra him op beropt, en waans help en autoriteit er ynropt, sa’t yn de folgjende paragraaf bliken docht, is dy fan de mear ‘folkse’, didaktyske en satiryske Nederlânske literatuer foar de legere stannen: fan Cats en Langendijk oantemei Tollens en Westerman. Mar ek siket er yn it bûtenlân, by Gellert, Von Kotzebue, Neuhofer.

Literêre ferwizingen

Nei ‘Earmoede’ folgje de ôfleveringen ‘Utflechtichheid’, ‘Lêst en rêst’, ‘Freonskip’, ‘Lânsbestjoer’, ‘Rabberij’, ‘Nijjiersbriefkes’, ‘Yn ’t bidlerskertier’, ‘Gouden earizers’, ‘Hûneleafde’, ‘In húske fan hâld-oan’, ‘It albumbledsje’ en ‘Nei Amearika’. De winskhoedskriuwer jout hieltyd bylden en sênes út it deistige libben op ’e doarpen, in inkelde kear ek yn ’e stêd. Hy docht dat oan de hân fan it sosjale gedrach fan minsken, dat in delslach is fan harren noarmen, wearden en morele posysjes. Hy hat krityk op harren hâlden en dragen, en men kin wat fan him leare. Wat dat krekt is, wurdt helder oanjûn, behalve troch de ferteller sels ek troch literêre motto’s boppe de episoades en literêre sitaten yn de tekst. It opfallend riinske brûken dêrfan tsjut derop dat de skriuwer flyt dien hat om syn tekst it karakter fan in lêstekst mei te jaan, dy’t dus net skreaun om foar te dragen mar om te lêzen. It ferhaal kommunisearret behalve mei in publyk ek mei oare literatuer.

Watfoar skriuwers wurde sitearre en wat lit Japik Japiks har sizze? Ut in ynventarisaasje fan literêre sitaten en ferwizingen yn it iepeningshaadstik en de trettjin dêrnei folgjende episoades docht bliken dat santjinde-ieuske Nederlânske skriuwers it faakst oanhelle wurde: Jacob Cats seis kear, Dirk Rafaelsz Camphuysen trije kear, Jeremias de Decker twa kear, Joost van den Vondel twa kear, en fierder Johan Zacharias Baron, Constantijn Huygens en Willem Sluiter. Nei Gysbert Japicx wurdt trije kear ferwiisd, en ien kear nei de Dútse Abraham a Santa Clara. Yn totaal binne der tweintich ferwizingen nei njoggen skriuwers fan santjinde-ieuske literatuer (de sechstjinde ieu krijt mar ien ferwizing, Erasmus).

Fan de achttjinde-ieuske Nederlânske skriuwers wurde oanhelle: Pieter Langendijk twa kear, en fierder Jacobs Bellamy, Justus van Effen en Jan Goeree elk ien kear. Fan achttjinde-ieuske bûtenlânske skriuwers giet it twa kear om in ferwizing nei de Dútse Gellert. Nei Fryske achttjinde-ieuske skriuwers wurdt net ferwiisd. Al mei al binne der sân ferwizingen nei fiif skriuwers fan achttjinde-ieuske literatuer.

Dan de njoggentjinde-ieuske Nederlânske skriuwers: Hendrik Tollens twa kear, en fierder ien kear anonym, ien kear Willem Bilderdijk, Elias Annes Borger, Martinus Hendrik de Graaff, Maria van Heijst, Robidé van der Aa, Abraham Rutgers, Marten Westerman en Pieter Gerardus Witsen Geysbeek. Fryske njoggentjinde-ieuske skriuwers binne Joast Halbertsma (ien kear) en Hjerre Gerrits van der Veen (ien kear). Wat njoggentjinde-ieuske bûtenlânske skriuwers oanbelanget giet it, elk ien kear, om de Dútsers Ferdinand Freiligrath, August von Kotzebue, Gerhard Adam Neuhofer, de Frânsmannen Alexandre Dumas en Eugène Sue, en de Amerikaanske Harriet Beecher Stowe. Yn totaal binne der njoggentjin ferwizingen nei achttjin skriuwers fan njoggentjinde-ieuske literatuer. Twa kear wurdt noch ferwiisd nei in Nederlânsktalige, net-literêre publikaasje fan de Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen en twa kear nei in literatuerhânboek.

Tematysk kinne de sitaten fan, en ferwizingen nei, oare skriuwers ûnderbrocht wurde yn in oantal kategoryen. Ik wiis der seis oan.

De earste, fierrewei de measte ferwizingen omfiemjende kategory is dy fan de deugdsumens. Hjir treft men ferwizingen oan nei wurk fan ûnder mear Dirk Rafaël Camphuysen (1586-1627), de populêre arminiaansk predikant dy’t ien fan de prominintste slachtoffers wie fan de kontra-reformaasje en einige as earme flaakswinkelman yn Dokkum. ‘De mensch, van ware deugden leeg, / En vol van zotte lust, / Hem zelf en anderen in den weeg, / Vermoordt zijn eigen rust’.Dirk Rafaelsz Camphuysen, ‘Mayschen morgen-stondt’, yn: Idem, Stichtlycke rijmen, om te lesen ofte singen [1624] (Jacob Colon, Amsterdam 1647) 283-284. Syn taal wie ‘uiterst eenvoudig en direct, zodat zijn verzen licht in het geheugen blijven nazingen’, skreau Lodewick.H.J.M.F. Lodewick, Literatuur. Geschiedenis en bloemlezing, Dl. 1 (L.C.G. Malmberg, ’s-Hertogenbosch 1968) 189. Op it religieuze mêd wie Camphuysen in strider tsjin wrâldske grutskens en idelheid en seach er earmoede as foarwearde foar in libben as goed christen.G.A. van Es, G.S. Overdiep, Geschiedenis van de letterkunde der Nederlanden, Dl. 4 (Teulings’ Uitgevers-maatschappij L.C.G. Malmberg, 's-Hertogenbosch / Standaard Boekhandel, Brussel z.j. [1948] 34. De tearing nei de nearing sette, de minsken rjocht dwaan, net erchtinkend wêze en dalik it minste fan de minsken tinke, is ek it devys fan de winskhoedskriuwer.

Under deugdsumens is ek it pleit foar húslikheid te fetsjen, it al troch ‘Vadertje’ Jacob Cats (1577-1660) propagearre boargerlike lok fan it tegearre libjen mei frou en bern. ‘Eygen wooning, eygen dak, / Groot voorwaer is uw gemack; / Eygen keucken, eygen haert, / Groote schatten syt ghy waert.’Jacob Cats, Alle de wercken van den Heere Jacob Cats, twee deelen, Dl. 1 (Nicolaas ten Hoorn e.a., Amsterdam 1712) 498. Cats wie in belangryk sedemaster fan it Nederlânske folk en syn wurk waard yn brede rûnten, mar minder ûnder de hegerein, lêzen.Heidi de Mare, Het huis en de regels van het denken. Een cultuurhistorisch onderzoek naar het werk van Simon Stevin, Jacob Cats en Pieter de Hooch, Dissertaasje (Vrije Universiteit, Amsterdam 2003) 256 <http://dare.ubvu.vu.nl/handle/1871/10740>. Japik Japiks hellet him it faakst fan alle skriuwers oan. Mar each foar yndividuele tragyk hat er ek. Grut is it ûngelok as in houlikspartner jong komt te ferstjerren, seit in oanhelle gedicht fan Elias Annes Borger (1784-1820).Elias Annes Borger, ‘Aan den Rhijn, in de Lente van het jaar 1820’, yn: Ib, Gedichten (De Hynsteblom, De Jouwer 1984) 114-117.  Borger wie in út Fryslân ôfkomstige liberale heechlearaar teology en letteren yn Leien, dy’t in brêge slaan woe tusken ferljochting en ortodoksy. Hy ferlear sawol syn earste (1816) as twadde frou (1820) yn it kraambêd en dêrnei ek syn dochterke. Sa’n tiid fan triennen, seit de winskhoedskriuwer dan, ‘komt der faak folle earder as der steat op makke wurdt (..). Tinke jimme, lêzers, dat myn tekening te sterk kleurd is? – Ik leau dat der wol mear soksoarte fan foarfallen barre, al hawwe se just net deselde útkomst.’Japik Japiks [Waling Dykstra], ‘De winskhoed fan Fortunatus’, De Fryske Húsfreon 1 (1851) 122-123. (Noch gjin jier letter, yn desimber 1851, soe Waling Dykstra sels syn earste frou ferlieze, en twa moanne letter syn earste bern.)

Ek hellet er Hendrik Tollens (1780-1856) syn ‘Het huwelijck’ oan: ‘’t Geluk begeeft hem nooit, die ‘t omdraagt in zijn ziel’.Henderik Tollens, Dichtwerken III, 79-98. Wêrby’t ek, sjoen it syktebêd fan Waling Dykstra syn frou, miskien wiisd wurde mei op de foargeande rigel by Tollens: ‘De orkaan, van rampen zwart, barste open op uw kiel:’. Tollens, patriot yn syn jonge jierren, wie by libben ien fan de meast wurdearre dichters fan Nederlân, en in neifolger fan Cats yn syn propaganda foar deugd en húslik libben. Tollens, in remonstrant, hie as kredo ‘eenvoud en natuurlijkheid’.

By deugdsumens heart ek de klam op ienfâldichheid en earlikheid yn hâlden en dragen as in treflike eigenskip. It ‘Joe deys leit de wrâld omkere / Yn klear duwbbeld-hertigheit’ út it fers ‘Sliucht en riucht’ fan Gysbert Japicx (1603-1666) is ien fan de motto’s boppe de haadstikken.Gysbert Japicx, ‘Sliuecht en riuecht’, yn: Twaede deel, aef to-haecke op Gysbert Japicx Friesche Rymlereye (Johannes Proost, Ljouwert 1821) 62. Neffens Breuker wurdt fan de dissertaasje fan Everwinus Wassenbergh (1793) ôf, de opfetting huldige ‘dat natuur en eenvoud kenmerkend zijn voor [Japicx’] werk’; it keunstele derfan wurdt dan oan de ynfloed fan oaren taskreaun. Boppedat wurdt ‘het natuurlijke’ by Japicx ‘opgevat als een eigenschap van het Fries en de Friezen (zo reeds bij Stijl in 1777) en gelijkgesteld aan Griekse eenvoud’.Ph. Breuker, It wurk fan Gysbert Japicx II-2 (Fryske Akademy, Ljouwert 1989) 480. Simon Stijl hie it oer de ‘Friesche eenvoudigheid, die uitdrukt wat ze ziet’.Simon Stijl, ‘Op Gijsbert Japiks’, Nagelaten gedichten. Toneelpoëzij (Suringar en Van der Plaats, Leeuwarden 1835) 103. Dy ienfâldwurdt troch de winskhoedskriuwer set foaroer it ‘koalferkeapjen’ dat ta útdrukking komt yn in motto fan Jan Goeree (1670-1731):

Die dees wereld wel beziet
En bespiedt;
Vindt daar binnen niets verholen
Als men van dat groot gesticht,
’t Deksel ligt,
Dan een’ grooten stapel koolen.Jan Goeree, ‘De wereld vol kool, of Koolzang’, yn: Idem, Mengelpoëzy (Pauli, Amsterdam 1734) 343-345.

Kritikus Witsen Geysbeek neamt Goeree’s dichtwurk ‘meestal van snaakschen en luimigen inhoud; sommigen zelfs morsig’, ‘vlugtig opgesteld en voor vrolijke vriendenkringen’; Goeree skreau it leafst ‘regtschape kunst’ yn fersteanbere taal, net yn ‘gedwongen trant’.Witsen Geysbeek, ‘Jan Goeree’, Nederduitsche dichters II. Ter Laan neamt him in ‘burlesk dichter, die zich niet stoorde aan de regels der dichtgenootschappen’.K. ter Laan, ‘Jan Goeree’, Letterkundig woordenboek voor Noord en Zuid (G.B. van Goor Zonen’s Uitgeversmaatschappij, Den Haag / Djakarta 1952). Mooglik dat foar Harmen Sytstra Goeree syn dekonstruearjende koalfers as ynspiraasje tsjinne hat by syn politike behanneling fan koal yn Jouke Rommerts’ scriften (1841).Harmen Sytstra, ‘De koalferkeaper’, yn: Idem, Tsien tuwsen uwt de lottery oaf Jouke Rommerts’ scriften (Ypma, Frjentsjer 1841) 205-215.

Net rabje, heart hjir ek thús. De Dútse skriuwer Christian Furchtegott Gellert (1715-1769) freget retorysk: ‘Ein giftig Weib, was kann die nicht erzahlen?’Christian Furchtegott Gellert, ‘Der Dorfer und der Stadte Plage’, yn: Idem, Samtliche Werke. Erster Band: Fabeln und Erzahlungen (Karlsruhe 1818) 128. En Constantijn Huygens (1596-1687) hâldt ús foar: ‘Quaedsprekers, denkt ter deegh, wat moorden / Ghy lieden aenrecht slechts met woorden!’Constantijn Huygens, Koren-bloemen. Nederlandsche gedichten van den heere van Zuylichem. Tweede deel, fermeardere útj. [1658] (Johannes van Ravesteyn, Amsterdam 1672) 293. Mar de foarm fan rabberij dy’t neffens de winskhoedskriuwer it slimst is, is de geastlike rabberij:

Mar dy’t boppe oan stean moasten, wienen nei myn plan de geastlike rabbers, dy’t ûnder skyn fan godstsjinst it dwaan en litten fan har meiminsken op ’e skeal sette, en mei wurden út bibel en testament it gemiene fan sok dwaan sykje te bedekken, en op sa’n menear gâns in bytsje oerienkomst krije mei de wytbeplastere grêven dy’t men by âlds yn ’t joadske lân oantrof, dy’t fan bûten moai liken, mar fan binnen fol deadsbiennen wienen.Japik Japiks [Waling Dykstra], ‘De winskhoed fan Fortunatus’, De Fryske Húsfreon 2 (1851) 21-22.

De twadde kategory is it bettere libben nei dea. De winskhoedskriuwer seit it Jacobus Bellamy (1757-1787) nei: ‘Want het ware vergenoegen / Woont op onzen aardbol niet.’Jacobus Bellamy, ‘Het vergenoegen’, yn: Ib., Gedichten. Nieuwe vermeerde uitgave (A. Loosjes, Haarlem 1826) 21. It echte ‘vergenoegen’ bestiet net op ierde, inkeld yn ’e himel. Fan Bellamy – lykas Waling Dykstra yn ’t earstoan bakkersfeint – komt it destiids fernijende literêre kredo dat ‘losheid, waarheid en natuur’J.J. Kloek, ‘De titaantjes van Tachtig: de Poëtische Spectator van Jacobus Bellamy en de zijnen (1784-1786)’, Tijdschrift voor Tijdschriftstudies 10 (2001) 11-28, 20. foarwearden binne foar it ûntstean fan keunst: oan ’e ein fan de achttjinde ieu moast brutsen wurde mei de pseudo-sentimintaliteit en de plechtigens fan it klassisime yn de literatuer. Bellamy wie patriot (skûlnamme ‘Zelandus’) en lei him ta op de folksdichtkeunst.P.J. Buijnsters, ‘Jacobus Bellamy / Zelandus 1757-1786’, yn: Anton Korteweg en Murk Salverda, red., ‘t Is vol van schatten hier…, Dl. 1 (Bezige Bij, Amsterdam/’s Gravenhage 1986) 2-22, 22: ‘Voortaan bleef Bellamy, als later Perk en Lodeizen, een bijna mythische gestalte: aankondiger van een vernieuwing die hij zelf niet meer mocht beleven.’

De tredde kategory betreft ferwizingen nei de omgong mei jild. De ôflevering ‘Nijjiersbriefkes’ hat in motto fan Dykstra syn Fryske tiidgenoat Hjerre Gerrits van der Veen (1816-1887): ‘Fuort op Nijjiersdei clipst it jit, / As credit debet efter sit, / Men neame ’t sa wol, ik sis / Dat ’t dan by mannichien wol clips is.’Hjerre Gerrits van der Veen, ‘Clipsode’, yn: Idem, Clipsrymkes (W.J. Bruining, Frjentsjer 1846) 30. As der jild op it spul stiet, wurde minsken ûnearlik en egoïstysk. Sa wurdt mannich hantwurksman net op tiid betelle troch de stedske boargerij. It jild, en de breklike omgong dermei, bringt minsken yn ’e bedelte en yn it gefal fan de lytse boargerij is soks gauris te witen oan de hegere stannen, dy’t net thús jouwe as it tiid fan beteljen is. De winskhoedskriuwer sitearret de blijspulskriuwer en satirikus Pieter Langendijk (1683-1756):

’k Plagt weleer zoo zot te wezen,

Schoon ik vrij veel heb gelezen,
Dat de wereld hing aan een
Van atomen groot en klein;
Deeltjes rond en scherp van hoeken,
Die gestaag malkander zoeken;
Maar ’k zie nu ’t is mis gesteld:
Want zij hangt aan een van geld.Pieter Langendijk, ‘Geld’, yn: Idem, De gedichten. Deel 4 (J. Bosch, Haarlem 1760) 353.

Langendijk wie yn de achttjinde ieu de populêrste blij- en kluchtspuldichter fan Nederlân, dy’t skreau ‘tot leering en ter verfoeijinge van een gebrek’. Benammen bekritisearre er in mankemint oan ‘onzen landaart (..) namelijk kaal en grootsch te zijn, en het laatste door bedrog staande te houden’.A.J. van der Aa, Biographisch woordenboek der Nederlanden. Deel 11 (J.J. van Brederode, Haarlem 1865) 125. It grutsk wêzen, it jin op ’e boarst slaan fanwege eigen súkses of trêften is ek de winskhoedskriuwer in griis.

Habsucht en pronksucht binne hjir de maatskiplik meast sichtbere fijannen. Puntdichter Jeremias de Decker (1609-1666), in neifolger fan Cats, wit dat ‘hij die ‘t minst begeert, gelijkt God het allermeest’.Jeremias de Decker (1609-1666), Rym-oeffeningen. Tweede boek [1659] (De Coup, Lamsvelt en Verbeek, Amsterdam 1702) 134.

De fjirde kategory betreft ferwizingen nei de omgong mei earmoede. Yn paragraaf 1 seagen wy dêr al foarbylden fan. Sa’t de winskhoedskriuwer der tsjinoan sjocht, slút oan by it boadskip fan de Amsterdamske skouboarchdirekteur, toanielskriuwer, dichter en boekferkeaper Marten Westerman (1755-1852):

’t Is geen aalmoes, die de weelde,
Onder bedellompen, voedt;
De onbeschaamde luiheid streelde
En den schaamlen hunkren doet,
En, in achtloosheid verkwist,
Zeker zijn bestemming mist.Marten Westerman, ‘De aalmoes’, yn: Idem, Dichterlijke mengelingen (M. Westerman, Amsterdam 1822) 77-79.

Japik Japiks lit him hjir op ’e nij kenne as in oanhinger fan de earmoedebestriding sa’t it Nut dy foarstie: minsken dy’t help noadich hiene, moasten holpen wurde, mar loaie en smoarge lju dy’t ‘sa goed as ongeskikt [binne] om ferbettere te wurden en de maatskippij fan tsjinst te wêzen’ koe men better gjin jild jaan. Oars hiene sokken gjin reden mear om har yndie op te skerpjen en te ferbetterjen:

Jout immen syn jeften út in suver begjinsel, út echte kristlike meilijichheid dan moat ik him sizze dat er se frijwat better bestelle kin; ik hâld it mei de Hear Blaupot ten Cate as er seit: „De menschen bedenken algemeen niet genoeg dat niet geven soms liefde zijn kan”.Japik Japiks [Waling Dykstra], ‘De winskhoed fan Fortunatus’, De Fryske Húsfreon 2 (1852) 180. Japiks jout yn in noat de boarne fan it sitaat: Steven Blaupot ten Cate (1807-1884), Armwezen en armverzorging (Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen, Amsterdam 1851).

De fyfde kategory betreft de goede seden yn de frijerij. Benammen it misbrûk dat keppelaarsters yn saneamde ‘húskes fan hâld-oan’ meitsje fan jongelju dy’t op syk binne nei in frijer, moat it ûntjilde. Cats: ‘Speelt heus een open spel, want alle sluipershoeken / Zijn lagen voor de jeugd, en plagen voor de doeken’).Jacob Cats, ‘Draag je doeken, wacht voor hoeken’, yn: Idem, J. van Vloten (red.) Alle de werken, Dl. 1 (Erven J.J. Tijl, Zwolle 1862) 69. De Decker: ‘De deugd, de deugd alleen doet vrij en vrolijk leven; / Hij leeft, gelijk hij wil, die niet en wil, als wel’.Jeremias de Decker, ‘Vrijheid’, yn: Rym-oeffeningen. Eerste boek, 30. >De fammen moatte sels oer har frijerij beslute kinne, dat is de skriuwer mei Willem Bilderdijk (1756-1831) iens: ‘O, moeders! O, verbiedt uw spruiten / Het minnen niet; / Gij wekt u zelf, door dit te stuiten, / Onnut verdriet.’Willem Bilderdijk, ‘De vloek, romance’, yn: Mengelpoëzij, bevattende vertellingen en romances (J. Doll, Amsterdam 1799) 238-250. Mar oan de frijheid binne grinzen, wit de winskhoedskriuwer. ‘Mar as in fammebern mei ’n ondogenske keardel opslacht, is ’t dan de plicht fan de âlden net om dêr tsjin te wurkjen? – Foaral en byleaven!’Japik Japiks [Waling Dykstra], ‘De winskhoed fan Fortunatus’, De Fryske Húsfreon 3 (1853) 30. Ek yn it de ôflevering ‘It albumbledsje’ giet it oer de frijerij, diskear tusken in ‘jonker’ dy’t yn ’e stêd wennet en in doarpsfaam. It tema fan de frijerij komt foaral sterk werom yn de lietebondels fan Waling Dykstra.Sjoch Abe de Vries, ‘Konstruksje fan sosjale identiteit yn it Fryske realisme. It betide wurk fan Waling Dykstra (1848-1860)’. Lêzing holden op it First Humanities Congres fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, 25 april 2018. Publisearre mei Ingelske oersetting yn Fers2 4-9 (2018). Webadres: http://www.fers2.eu/konstruksje-fan-sosjale-identiteit-yn-it-fryske-realisme-waling-dykstra/. Krigen 6 juny 2018.

De sechsde, en lêste kategory, betreft emigraasje. De lêste episoade fan ‘De winskhoed fan Fortunatus’ bestiet út in petear tusken twa doarpslju oer de foar- en neidielen fan emigraasje nei Amearika. It hat in motto fan Gysbert Japicx: ‘Mar oermits ’t yn ’e wrâld nearne is sa ’t heart, / Bleu yn jou lân, bid god dat hy ’t wol sparje, / Dat hy ús al wol nei syn Geast regjearje, / En haw gjin lân, mar d’ himel yn bijeart.’Gysbert Japicx, ‘Reamer en Sape’, yn: Idem, Friesche rymlerye [1668] (Kerst Tjallings en Gerrit Heegslag, Leeuwarden 1681) 60-67. Ek Simon Stijl wurdt derby helle: ‘De liefde tot zijn land is ieder aangeboren.’Japik Japiks [Waling Dykstra], ‘De winskhoed fan Fortunatus’, De Fryske Húsfreon 3 (1853) 204. Mar dy tawizing kloppet fansels net, it sitaat komt fan Vondel út de Gysbreght van Aemstel.Joost van den Vondel, Ghysbregt van Aemstel (Amsterdam University Press, Amsterdam 1994) 108. Dy’t emigrearret út syn eigen lân, is faak op ’e rin foar himsels en syn eigen ûndeugden, seit de lêste ferwizing – ek wer nei Gysbert Japicx:

Jy dwane as ’t hert, as ’t sketten is sil ’t rinne
Troch bosk en beamt, oer fjild en heide hinne,
Doch al dêr’t ’t komt, it bringt syn lijen mei.Japicx, ‘Reamer en Sape’, yn: Idem, Friesche rymlerye [1668] (Kerst Tjallings en Gerrit Heegslag, Leeuwarden 1681) 60-67, 66.

De hjir oanwiisde seis kategoryen fan tematyske yntertekstualiteit binne dus deugdsumens, libben nei de dea, omgong mei jild, omgong mei earmoede, seden yn de frijerij, en emigraasje. Yn de folgjende paragraaf beskriuw ik in oantal funksjes fan yntertekstualiteit yn ‘De winskhoed fan Fortunatus’.

Funksjes fan yntertekstualiteit

It earste yntertekstuele momint yn it ferhaal is de fermelding fan de skriuwersnamme: Japik Japiks.

Waling Dykstra hat yn ’e simmer fan 1851 >in brief oan Tjibbe Gearts van der Meulen skreaun, wêryn’t er ferklapte dat er foar it ferhaal in skriuwersnamme brûke woe, om’t er ynsiet oer reperkusjes dy’t oars folgje koene yn it ortodokse Spannum dêr’t er wenne en de kost fertsjinje moast as bakker en keapman.G.A. Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (A.J. Osinga, Boalsert 1926) 372-373. De brief datearret fan 28 july 1851. De namme ‘Japiks’ ferbynt de skriuwer fan it ferhaal fansels mei Gysbert Japicx. Dêrmei beklammet Dykstra net inkeld de Fryske literêre tradysje, en jout er him om samar te sizzen del ûnder de beskerming fan in troch elkenien heechachte foargonger, mar foaral ferklearret er him solidêr mei beskate wurdearre sosjale en morele posysjes yn Gysbert Japicx syn wurk. Bygelyks: tsjin dûbelhertichheid, foar de âlde rûne ienfâldichheid, frommens en heitelânsleafde.

It kaaibegryp hjir is rûne (earlike) ienfâldichheid. It wurdt sûnt Stijl en Wassenbergh yn ferbân brocht mei Gysbert Japicx; it is net tafallich ek in ideaal dat ‘De winskhoed’ propagearret. Japik Japiks, ik-persoan yn it ferhaal, winskhoedskriuwer, en de achterachterneef fan, is in literêr reformist, dy’t de romantyk fan De Graaff en Bilderdijk tsjinsprekt en sjen lit dat de romantysk-naive, stedske ferbylding fan it Fryske plattelân te min omtinken hat foar de problemen en dilemma’s fan ‘gewoane’ minsken en yn it bysûnder foar it probleem fan de ethos. Dêr wize dúdlik de kategoryen fan ferwizing op.

Hy makket dêrby sa’n opfallend soad gebrûk fan Nederlânske literêre teksten yn de ‘folkse’ tradysje, dat men suver fan in manifest sprekke mei. Sintraal stiet de konverginsje yn de Nederlânske folksliteratuer tusken de boargerlike wiisheid en libbenslessen fan Cats oantemei Tollens oan de iene, en de klucht fan Baron (santjinde ieu, berte- en stjerdatum ûnbekend), it blijspul fan Pieter Langendijk en de spot fan Goeree oan de oare kant. Cats syn emblematum Spiegel van den ouden ende nieuwen tijt, 1632, mei it motto ‘Elk spiegele hem zelven’, wurdt troch Japik Japiks net nei ferwiisd mar de foarrede fan Cats syn samling ynternasjonale sprekwurden en siswizen leveret mei syn ponearjen fan ‘Nuttigheyt en Vermakelijckheyd’ ek de doelen dy’t de winskhoedskriuwer neistribbet.

Der rint sa in rjochte line fan de ienfâld en it krityske sûne ferstân fan Cats, fia de yn Fryslân propagearre ienfâldichheid fan Gysbert Japicx, de ‘eenvoudigheid’ fan Stijl, it ‘natuur en waarheid’ fan Bellamy, it ‘eenvoud en natuurlijkheid’ fan Tollens, nei it biedwurd ‘wierheid en natoer’ fan Waling Dykstra. Neffens syn realistyske kredo leveret de praksis fan it sosjale libben de foarm en ynhâld fan de literatuer, dy’t der de krityske en bytiden satiryske spegel fan is. De ferwizingen nei Nederlânske literatuer litte sjen dat de skriuwer syn Fryske literatuer ek as Nederlânske literatuer beskôget en him útdruklik skatplichtich toant oan in Nederlânske literêre tradysje. Ek op dy wize slút Japiks oan by Japicx, dy’t him ek foaral op Nederlânske literatuer (Hooft, Vondel, Huygens) oriintearre.

Sa kin ‘De winskhoed’ dus sjoen wurde as in literêre sinjaal út de perifery foar it Nederlânsktalich kultureel sintrum. Is it tafal dat Cats en Bellamy (syn patriottyske skûlnamme wie ‘Zeelandus’) en Goeree alle trije fan Siuwsk komôf wiene?Arno Neele, De ontdekking van het Zeeuwse platteland. Culturele verhoudingen tussen stad en platteland in Zeeland, 1750-1850, Dissertaasje Universiteit van Utrecht (Wbooks, Zwolle 2011) 140: ‘Onder leiding van Jacob Cats heeft een groep Zeeuwse dichters in de eerste helft van de zeventiende eeuw bijvoorbeeld al willen laten zien dat Zeeland zich juist wel kon meten met Holland en Hollandse dichters als Heinsius, Hooft en Bredero. Om dit te bewijzen publiceerden zij in 1623 een gedichtenbundel onder de veelzeggende titel Zeeusche Nachtegael, waarmee zij bewust verwezen naar de benaming van de kikker als Zeeuwse nachtegaal en naar het beeld dat uit Zeeland alleen maar gekwaak en geen gezang kwam.’ En dat Willem Sluiter (1627-1673) bekend bleaun is troch syn lof foar de Achterhoek? Ek jouwe de ferwizingen de diglosse taalsitewaasje oan dêr’t it ferhaal yn publisearre waard. It mikt op in breder publyk, op de lêzende lytse boargerij op it plattelân; rûnten dêr’t wol skriftlik Nederlânsk lêzen waard mar noch net folle Frysk; op húshâldingen dy’t fan master of dûmny wolris heard hienen fan Nederlânske skriuwers mar noch net folle wisten fan Fryske. ‘De winskhoed’ moast lêzers út it Nederlânske sirkwy nei it Fryske lûke, nei in literatuer dy’t yn har memmetaal wat sizze woe oer har eigen deistige libben op ’e doarpen. De ethos dy’t Waling Dykstra yn it Frysk ferspriede wol, ferpakt er ek dêrom mei oanhellingen fan bekende en minder bekende skriuwers yn de dominante taal, dy’t syn boadskip ekstra autoriteit ferliene en syn arguminten oertsjûgingskrêft.

Foar autoriteit en oertsjûgingskrêft ‘winkelet’ er ek wol yn it bûtenlân, by Abraham a Sancta Clara, Freiligrath, Gellert, Von Kotzebue, Neuhofer en Sue. Dy skriuwers hat er mooglik yn it Nederlânsk lêzen. Fan Abraham A Santa Clara (1642-1709) wie yn 1837 in Nederlânsktalige blomlêzing ferskynd,J.P. Arend, red., Bloemlezing uit de werken van Pater Abraham van St. Clara; benevens eene verhandeling over zijn leven, karakter en schriften (A. ter Gunne, Deventer 1837). fan Gellert syn ferneamde Fabeln und Erzahlungen wienen Nederlânske oersettingen fan 1772 ôf rom foarhannen,In oersjoch jout W.J. Noordhoek, Gellert und Holland (H.J. Paris, Amsterdam 1928) 148-153. fan August von Kotzebue (1761-1819) is in soad toanielwurk al dalik yn it Nederlânsk oersetKlaartje Groot, Geliefd en gevreesd. Duits toneel in Nederland rond 1800 (Verloren, Hilversum 2010). en ek fan Eugène Sue (1804-1857) wie in oersetting beskikber.De wandelende jood yn 1844-45 en De verborgenheden des volks yn 1850. It giet ek hjir om populêre ‘folkse’, didaktyske en satiryske literatuer ornearre foar de legere stannen. Mar dat Dykstra syn foarbylden dochs benammen út de (santjinde-ieuske) Nederlânske literatuer hellet, is yn oerienstimming mei wat de troch him lêzen Lulofs seit yn syn bekende learboek:

De letterkundige voortbrengselen van de beroemde vernuften der zeventiende eeuw laten zich meer of min bij sommige stukken huisraad, uit den tijd onzer vaderen, vergelijken, die, ja, wel niet naar de tegenwoordige mode zijn, maar echter door het kunstige snijwerk en verguldsel, hetwelk dezelve siert, door de stevige, hechte en duurzame stoffe, waaruit zij vervaardigd zijn geworden, door het doelmatige van derzelver vorm en samenspel, elken oplettenden beschouwer met verwondering vervullen moeten, al trekken voor het overige nieuwmoodsche ledighoofden en zotten smadelijk over dezelve de neus op. Het gaat aan deze laatstgenoemde namelijk, als aan die bevooroordeelden van een’ anderen stempel, welke bij alles wat vreemd en uitheemsch is, schoon! heerlijk! verukkelijk! goddelijk! roepen, terwijl zij dikwerf het tienmaal betere, dat ons eigen land oplevert, geheel en al over het hoofd zien. – Die dwazen!B.H. Lulofs, Over Nederlandsche spraakkunst, stijl, en letterkennis, als voorbereiding voor de redekunst, of welsprekendheidsleer (J. Oomkes, Groningen 1823) iix.

Foar Lulofs hearde, neist de ‘hege’ Huygens, Vondel en Hooft, ek Jacob Cats hoewol yn in oar soart skriuwerij ta de top fan de Nederlânske literatuer.B.H. Lulofs, Over Nederlandsche spraakkunst, stijl, en letterkennis, als voorbereiding voor de redekunst, of welsprekendheidsleer (J. Oomkes, Groningen 1823) x. Yn it him al fan ’e ein fan ’e achttjinde-ieu ôf ûntjaande Nederlânske nasjonalisme krige it wurk fan Cats in werwurdearring, dy’t ek trochwurke nei 1815 en de feriening mei Belgie. ‘In dit grootschalige proces van aankweken van nationale waarden kon Jacob Cats, juist ook door de toegankelijkheid van zijn taal en het pragmatische karakter van zijn moraal, anderhalve eeuw na zijn dood gecanoniseerd worden als de verpersoonlijking van de alle rangen en standen omspannende Nederlandse volksaard’, skriuwt Kloek.J.J. Kloek, ‘Burgerdeugd of burgermansdeugd? Het beeld van Jacob Cats als nationaal zedenmeester’, yn: Remieg Aerts en Henk te Velde, red., De stijl van de burger. Over Nederlandse burgerlijke cultuur vanaf de middeleeuwen (Kok Agora, Kampen 1998) 100-122, 114.

De iere Fryske beweging sleat him by dy wurdearring oan en hat Cats ek brûke wollen, net yn restaurative mar krekt yn emansipatware sin. Dat docht net inkeld bliken út de yntertekstualiteit yn ‘De winskhoed fan Fortunatus’ mar ek út bygelyks it feit dat Harmen Sytstra foar syn bewegerstydskrift Iduna standert in motto fan Cats brûkte.‘Siet alsser yemant boecken schrijft, / De leser lacht, de leser kijft, / De leser prijst, de leser spot, / En beyde dickmael sonder slot; / De leser juyght, de leser geckt, / En al na dat hy is gebeckt, / En die het veeltijts minst beseft / Dien isset die het harde treft.’ Ut: Jacob Cats, ‘Die aen den weg timmert, heeft veel berigts’, yn: Idem, Alle de werken. Zesde deel, 21-22. Wylst Cats yn de Nederlânske resepsje yn de earste helte fan de njoggentjinde ieu yn it ramt fan nasjonaal-restaurative doelen funksjonearre, koe er yn de subnasjonale, realistyske Fryske literatuer fan it midden fan de njoggentjinde ieu just tsjinje as fûnemint om modern Frysk boargerskip fierder op te bouwen. Syn kalvinistyske krityk op wielde, habsucht, idelheden, uterlik fertoan en moaiskyn wie rjochte tsjin wat sjoen waard as santjinde-ieusk ferfal fan sitten yn wolstelde maatskiplike rûnten;Willeke Los, Opvoeding tot mens en burger. Pedagogiek als cultuurkritiek in Nederland in de 18e eeuw (Verloren, Hilversum 2005) 37. it wie krityk fan de boargerij op de adel, fuortkommend út nije sosjaal-etyske tinkbylden. Dykstra nimt de strekking fan dy krityk oer en past him ta op syn eigen tiid, de njoggentjinde-ieuske lytse boargerij en de boerestân op it Fryske plattelân, dat yn de fyftiger jierren fan djippe ekonomyske krises oan it bekommen wie.

Cats, as skriuwer typearre as braverik troch Potgieter yn 1844E.J. Potgieter, ‘Het Rijksmuseum te Amsterdam’ yn: Idem, Afrid ter Valkenjacht en Het Rijksmuseum te Amsterdam (G.M.J. Duyfhuizen, Rotterdam 1981). Oarspr. yn De Gids, 1844. en ôfservearre as saaie moralist troch Busken Huet yn 1863,Oarspr. yn De Gids, 1863. Opnommen yn Conrad Busken Huet, Litterarische fantasien en kritieken, Dl. 1 (H.D. Tjeenk Willink, Haarlem z.j. [1884]). wurdt sûnt it ein fan de tweintichste ieu wer mear wurdearre, net inkeld fanwege syn robúste sosjaal engaazjemint en syn rol as foaroanman fan in boargerlik moreel offensyf, mar ek as boartlik literator.Under mear yn Simon Schama, The embarrassment of riches. An interpretation of Dutch culture in the Golden Age (Collins, Londen 1987) en A. Agnes Sneller, Met man en macht. Analye en interpretatie van teksten van en over vrouwen in de vroegmoderne tijd (Kok Agora, Kampen 1996). Lês ek Opheffer [Theodor Holman], ‘Ons goud’, De Groene Amsterdammer 32 (8 augustus 2012): ‘Op vakantie heb ik Vondel, Cats en Multatuli gelezen. Aan Cats heb ik werkelijk het meeste plezier beleefd. Onbegrijpelijk dat hij niet meer geciteerd wordt, niet meer in ons gedachten- en gevoelsleven een rol speelt. Cats is leuk, speels, moraliserend, gek, geil, flauw en gemakzuchtig.’ Sa’n selde nije evaluaasje, mar dan fan Dykstra syn betide wurk, mei foar pleite wurde as men de wûnderlik negative resepsje fan ‘De winskhoed’ yn de tweintichste-ieuske Fryske skriftekennisse neirint.

Resepsje fan ‘De winskhoed’

Sa’t de jonge Waling Dykstra him wat noarmen en wearden oanbelanget yn syn wurk foar in part oriintearre op âldere Nederlânske literatuer, sa set de moderne Fryske resepsje dat wurk noch altyd del op deselde wize sa’t njoggentjinde-ieuske Nederlânske skôgers as Potgieter en Busken Huet Cats it beseagen. Koe Jan Jelles Hof yn 1901 noch tige heech fan ‘De winskhoed’ opjaan,Jan Jelles Hof, ‘Waling Dykstra. 7.’, Nieuwsblad van Friesland (28 augustus 1901). Hof neamt it in ‘tige moai’ ferhaal en oer Japik Japiks seit er: ‘Dy nije skriuwer, dy’t letter ek oare stikken skreaun hat, forstie ja sa goed as Waling de kinst om him yn moai Frysk to uterjen en wist ek krektlike goed de wei yn ‘t Fryske folkslibben.’ en wie Reinder Brolsma yn 1933 noch fan miening dat ‘De winskhoed’ en syn opfolger as feuilleton yn it jierboekje De Byekoer, ‘Staaltsjes út it libben fan myn skearspegeltsje’ (1853-1856), ta it bêste hearden wat er oan Frysk njoggentjinde-ieusk proaza lêzen hie, dêr bliek fjirtich jier letter oars oer tocht te wurden.Reinder Brolsma, ‘Oer eigen en frjemd’, Sljucht en Rjucht 14 (1933) 219: ‘Yn dy beide wier de skriuwer fan de gewoane trant ôfwykt, net novellistysk, mar hy jowt it wird oan in âld skearspegeltsje en lit det fortelle, hwet it wederfearn is, earst as greate daemspegel yn in deftich boargerhûs en den navenant mei rampen en tsjinslaggen for de diverse bisitters ôftakjend ta de needrige lêste funksje; (…) wol mei fen de geskiktste lektuer, fortellend aventûrlik en op sommige dingen nei tige genietber.’

Gerben Visser wol hawwe, it wurk is braaf en didaktysk, merkt it gebrek oan aventueren op en sjocht de fiksje fan de winskhoed as in trúk ‘dy’t Waling-om yn steat stelde om syn moralistyske oanstriden alle wille to jaen’.Gerben Visser, ‘De boarnen fan Waling-oms folksskriuwerij’, Us Wurk 21-22 (1972-1973) 223-236, 223-224 <https://ugp.rug.nl/uswurk/article/viewFile/28879/26237> [krigen 13 juny 2018]. Mar yn syn artikel oer de ‘boarnen fan Waling-oms folksskriuwerij’ hat er it nuver genôch net oer de yntertekstualiteit yn ‘De winskhoed’. Wy hawwe lykwols sjoen dat de moraal fan it ferhaal no just gearstald wurdt troch út Nederlânske en bûtenlânske literatuer te blomlêzen.

Ek Ype Poortinga hie al opmurken dat ‘Waling-om’ – de leechachtsjende Kalma-útfining seit al genôch – wolris ‘wat slim de moralist (..) úthinget’ en dat guon fan syn ferhalen ‘net botte lêsber mear binne, om’t der te folle yn preke wurdt’.Ype Poortinga, ‘Ynlieding’, yn: Waling Gerrits Dykstra, In dei fan plezier. Forhalen (De Tille, Ljouwert 1971) 11. Dêrmei tsjutte er op ferhalen, ek ‘De winskhoed’ heart dêrby, dy’t er bûten syn seleksje foar In dei fan plezier litten hie, syn Dykstra-blomlêzing.

Tony Feitsma, op har bar, fertsjusteret de Nederlânske boarnen fan Dykstra syn skriuwerij alhiel, as se yn 1974 op in kongres úthâldt:

De kritiek op menselijke ondeugden bij de volksschrijvers zal voor een belangrijk deel een voortzetting zijn van de kritische toon in de 18e eeuwse (en eerdere) almanakjes. Er zou eens moeten worden nagegaan in hoeverre in de morele kritiek sprake is van een traditionele ideologie en in hoeverre van eigentijdse impulsen.A. Feitsma, ‘Kader en probleemstelling’, yn: Literatuur in sociaal perspectief: lezingen gehouden op het symposium van 6 april 1974 te Leeuwarden/Ljouwert, georganiseerd door de Ynteruniversitaire Stúdzjerie Frysk (Rodopi, Amsterdam 1976), 5-8, 6-7.

De tragyk fan de Fryske literatuer in a nutshell: ‘er zou eens moeten worden nagegaan’. It suver demonstratyf oer de holle sjen fan sa’n essinsjele eigenskip as de spesifike yntertekstualiteit yn ‘De winskhoed’ kin faaks mei bûtenliterêre, taalpolitike of religeuze redenen te krijen hawwe, it feit wurdt der net oars fan. Hânboekskriuwer Klaes Dykstra neamt ‘De winskhoed’ net. Ek yn it resintere Zolang de wind van de wolken waait komt it ferhaal net foar.

Moderne Fryske literêre krityk basearret him noch altyd op oardielen dy’t ûntstien binne yn de tiid fan de begjinnende njoggentjinde-ieuske autonomisearring fan de keunst, ûnder mear it útinoar gean fan keunst en moraal, en lit nei om literêr wurk yn syn eigen tiid te pleatsen en op syn eigen ambysje te beoardieljen. Dykstra syn wurk wurdt earder kultureel yn ferbân brocht mei de liberale Maatschappij tot Nut van het Algemeen en in frijsinnich anty-dogmatisme, as literêr mei Nederlânske en Fryske literêre tradysjes.

Nijsgjirrich is it positive ûnthaal dat ‘De winskhoed’ yn syn eigen tiid krige yn it belangrykste Nederlânske literêre tydskrift fan doe, De Gids:

Even als in den vorigen, vinden wij hier de ‘Winskhoed fen Fortunatus,’ die over het geheel nog al onderhoudend is en zijne karakters goed schildert. Wij willen hopen, dat hij zoo mag voortgaan en ons met meerdere gebreken in het dagelijksche leven bekend maken. Wel is waar is er genoegzame stof, doch elk onderwerp laat zich niet even goed behandelen, en hij, die er zich aan waagt, behoort goed doordrongen van zijn onderwerp te zijn. Wij zeggen dit, omdat wij bl. 250 de ‘Hondenliefde’ wel wat beter gewenscht hadden; het komt ons voor, dat de schrijver dit onderwerp niet juist gevat heeft.Besprek troch Aaron fan de twadde jiergong fan De Fryske Húsfreon: Aaron, ‘De Frîsce Hûsfrjeun. Rím en onrîm, ûtjown fen Waling Dykstra, oender meiwirking fen oaren. Oarde Boek. To Freantsjer, by E. Ippius Fockens. 1852.’, De Gids 17 (1853) 237-240, 239. Ek yn Iduna (1852), it tydskrift fan Harmen Sytstra, priizget ‘Q.W.’ (Sytstra sels) it wurk fan Japik Japiks: ‘Nearne hat De Frysce Huesfrjeun mear eare fen, as det Japik Japiks in trouwe mei-arbeider is. Fen al hwet der yn dizze (earste) jiergong stiet, mintet dy syn wirk boppe de oare stikken út. Sûnder oerdriuwing teikent er trochstrings de minsken fiks of lyk as se binne. Taest er sims wol ris just net hiel djip yn it minskeherte, syn foarstelling is meastal libben en natûrlik en hwet it measte seit, út syn skriuwen azemt in tige goede geast.’ (Jan Jelles Hof, ‘Waling Dykstra. 7.’, Nieuwsblad van Friesland (28 augustus 1901).)

De resinsint fan De Gids tinkt dat De Fryske Húsfreon de ‘frieschen landbewoners’ wol befalle sil; ‘hy is in diens geest ingerigt en beantwoordt in dat opzigt aan het doel’. Dizze Frysktalige teksten kinne

hunne winteravonden nog meer (..) veraangenamen, daar zij weinig nederlandsch lezen, en het meerendeel, ofschoon die taal op de scholen geleerd hebbende, is niet in staat het nederlandsch zoo te spreken, dat zij in alle opzigten verstaanbaar zijn, en dit is niet vreemd, wanneer men in aanmerking neemt, dat zij onderling altijd friesch spreken. Daarom is het van belang, om hun in een friesch kleed op de hoogte van den tijd te brengen en te houden, waartoe dit werkje veel kan bijdragen.Aaron, ‘De Frîsce Hûsfrjeun. Rím en onrîm, ûtjown fen Waling Dykstra, oender meiwirking fen oaren. Oarde Boek. To Freantsjer, by E. Ippius Fockens. 1852.’ [besprek], De Gids 17 (1853) 237-240, 240.

De klam op de ethos en it publike belang yn ‘De winskhoed’ wurdt troch Aaron dus krekt as posityf beoardiele, lykas it rjochte wêzen fan de tekst op eigen wrâld en tiid. Lykwols is it in oerflakkige resinsje, dy’t foaral basearre liket te wêzen op it grutboargerlike en grutstedske, ‘Hollânske’ idee dat de ‘frieschen landbewoners’ achterop komme en by de tiid brocht wurde moatte. It omtinken giet nei de taal en de folksopfieding, alwer net nei de literatuer. Ferbannen mei Nederlânske en bûtenlânske literatuer wurde net oanwiisd en oan yntertekstualiteit wurdt gjin omtinken jûn. Opmerklik is wol dat de skôger net paternalistysk ymplisearret dat Friezen better Nederlânsk leare moatte, mar der stilswijend fan útgiet dat minsken it bêste funksjonearje yn ’e maatskippij as se har eigen, fan hûs út oanlearde taal brûke kinne. Wat fansels ek in wichtich útgongspunt is fan it hjir besprutsen wurk.

Nije evaluaasje

Tiid dus foar in frisse blik. ‘De winskhoed fan Fortunatus’ is de earste langere proazatekst yn de Fryske njoggentjinde-ieuske literatuer dy’t eksplisyt stelling nimt tsjin romantyske foarstellingen fan it Fryske plattelânslibben. It ferhaal docht dat op in polemyske wize en sterk yntertekstueel: troch de naive romantyk fan bygelyks De Graaff (Jacob van Lennep hie ek neamd wurde kinnen)Joep Leerssen, ‘Van Lennep als romanticus’, De negentiende eeuw 38-3 (2014) 144-155. ôf te setten tsjin it werklike Fryske libben. Dykstra smeidt it romantyske, út de midsieuwen stamjende folksferhaal-fol-aventoeren yn in eachwink om ta in literêr-realistyske eksersysje: de gong fan in magyske ferteller troch de aktuele, werklike wrâld, dy’t fan gjin kanten liket op de meast stedske idealisearringen dy’t (ek) yn ’e earste helte fan de njoggentjinde-ieu opgong makken.

Hieltyd brûkt de skriuwer yntertekstualiteit om syn punt te meitsjen, wêrby’t er foar syn eigen lytse ‘spiegel der waarheid’ (Cats) gebrûk makket fan meast Nederlânske mar ek wol bûtenlânske populêre literatuer út fjouwer ieuwen. Fan antagonisme tusken Nederlânsk en Frysk is dan ek gjin sprake, noch fan it tanimmend kultureel ‘provincialisme’ of yn himsels keardens dat Jensma yn de rûnte fan it Frysk Selskip sjocht.Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda. Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Fryske Akademy, Leeuwarden 1998) 194. Sjoch ek de resinsje fan Henk te Velde, ‘Friese identiteit is vooral niet Hollands’, NRC Handelsblad (5 juny 1998). Ek de yn ’e hânboeken wol oantroffen opiny dat Dykstra him foar syn folksferhalen benammen basearre op Dútse boarnen wurdt foar safier’t it ‘De winskhoed’ oanbelanget, net befêstige. Socht wurdt krekt de oansluting by Nederlân en de wrâld.

As filosoof is Japik Japiks in Fryske Diogenes. Hy is mei in lampke op syk troch literatuer en libben nei ‘de minske’, nei de wier oprjochte en earlike persoan, de net-bedoarne doarpeling, de minske dy’t nuttich is, en wêze wol, foar syn evenminske. Sa’t Diogenes de wiere deugd yn ’e praktyk sjen liet, sa docht ek Japiks: mei sênes út it werklike libben nimt er ús mei mei nei winsklik en net-winsklik moreel en sosjaal gedrach. Lykas Diogenes propagearret Japiks in ienfâldich, natuerlik libben en dito hâlden en dragen as medisyn tsjin maatskiplik kwea, bedroch, idelheid en sweeslaan. Lykas Diogenes wol ek Japiks in dokter-filosoof fan it folk wêze, dy’t de minsken kriich bringt, moreel better makket en har oanset ta it ferbetterjen fan harsels.

Dykstra, as skriuwer fan de skriuwer, dokteret mei as middel it tapassen en befoarderjen fan parrhesia (oer te setten as ‘it frije sizzen mei gefaar foar eigen neidiel’). It klassyk-Grykse begryp hâldt it út ’e wei gean fan retoaryske foarmen yn, it brûken fan direkte útdrukkingen, it moedich en sa helder mooglik útsprekken fan jins oertsjûgingen.

De problemen dy’t Dykstra neffens eigen sizzen as skriuwer ûnderfûn yn it ortodoks-protestantske Spannum, kwalifisearje de geastlike heit fan Japik Japiks as in parrhesiastes, in beoefener fan parrhesia. It frij en kritysk sprekken fan de wierheid – ‘wierheid en natoer’, seit Dykstra – jildt sûnt de boargergearkomsten yn Atene as it fûnemint fan politike demokrasy. ‘With the question of the importance of telling the truth, knowing who is able to tell the truth, and knowing why we should tell the truth, we have the roots of what we could call the “critical” tradition in the West’, skriuwt Foucault yn Fearless speech.Michel Foucault, Joseph Pearson (red.), Fearless speech. (Semiotext(e), Los Angeles 2001) 70.

Japik Japiks ferskynt sa as de lette erfgenamt fan in benammen Nederlânske moralistyske en folkse rjochting yn de literatuer, dy’t weromgiet op de midsieuwen. Yn de begjinnende yndustry- en ynformaasjemaatskippij yn it midden fan de njoggentjinde-ieu kombinearret er de rol fan de magyske ferteller mei dy fan de sosjaal engazjearre sjoernalist en religieus ferljochte opfieder fan syn folk. Sa wurdt de winskhoedskriuwer de fleislike ferskining fan de Erzahler fan Benjamin, de bringer fan wize ried, de sprekker fan de wierheid, ‘die Gestalt, in welcher der Gerechte sich selbst begegnet’.Walter Benjamin, Der Erzahler. Betrachtungen zum Werk Nikolai Lesskows [1936], yn: Idem, Gesammelte Schriften, Dl. 2 (Suhrkamp, Frankfurt a.M. 1977) 438-465. Mar dy’t yn it tiidrek fan de meganyske parse en de algemiene ferskriftliking hieltyd minder út eigen ûnderfining sprekke kin, en úteinlik tenûnder gean moat.

‘De winskhoed’, lykas letter de Ulespegel, beweecht him op dy oergong, wat mei syn literêr-histoarysk belang útmakket, as in grûnlizzende tekst fan it Fryske realisme.

 

 

Literatuer

Abraham a Sancta Clara [Johann Ulrich Megerle] (1642-1709)

Anonym, mûnlersferske

Baron, Johan Zacharias, Klucht van Lichthart en Aers-gat Sonder sorgh (Willem Christiaens van der Boxe, Leiden 1653)

Beecher Stowe, Harriet (1811-1896), De negerhut. Een verhaal uit het slavenleven in Noord-Amerika (A.C. Kruseman, Haarlem 1853)

Bellamy, Jacobus (1757-1786), ‘Het vergenoegen’, yn: Gedichten. Nieuwe vermeerde uitgave (A. Loosjes, Haarlem 1826) 21

Bilderdijk, Willem (1756-1831), ‘De vloek, romance’, yn: Mengelpoëzij, bevattende vertellingen en romances (J. Doll, Amsterdam 1799) 238-250

Borger, Elias Annes (1784-1820), ‘Aan den Rhijn, in de Lente van het jaar 1820’

Camphuysen, Dirk Rafaelsz (1586-1627), ‘De mensch, van ware deugden leeg’, yn: Stichtlycke rijmen, om te lesen ofte singen [1624] (Jacob Colon, Amsterdam 1647) 283-284.

Camphuysen, Dirk Rafaelsz, ‘Niet nieus onder de Zonne’, yn: Stichtelycke rijmen (s.n., Hoorn 1624) 97-98.

Camphuysen, Dirk Rafaelsz, ‘Elk heeft zijn bijzonder drijven’ ensafh. Ut: Stichtelijcke rijmen [1624] (Abraham Andriesz, Dordrecht 1660) 163.

Cats, Jacob (1577-1660), ‘Eygen wooning, eygen dak’, yn: Alle de wercken van den Heere Jacob Cats, Dl. 1 (Nicolaas ten Hoorn e.a., Amsterdam 1712) 498

Cats, Jacob, ‘Een ander heeft altijd de schuld, geen mensch en ziet zijn eigen bult’, yn: Alle de werken, Dl. 1 (Erven J.J. Tijl, Zwolle 1862) 883-884.

Cats, Jacob, ‘Men noodt geen ezel ooit ten gast’, yn: Alle de werken, Dl. 1 (Erven J.J. Tijl, Zwolle 1862) 847-848

Cats, Jacob, Houwelick (Jan Pieterss vande Venne, Middelburg 1625)

Cats, Jacob, ‘Draag je doeken, wacht voor hoeken’, yn: Alle de werken, Dl. 1 (Erven J.J. Tijl, Zwolle 1862) 69

Cats, Jacob, Het deel wil zijn geheel’, yn: Dichtwerken van Jacob Cats. Tweede deel: Zinne- en minnebeelden, Mengeldichten (A. ter Gunne, Deventer 1845) 5

Decker, Jeremias de (1609-1666), Rym-oeffeningen. Tweede boek [1659] (De Coup, Lamsvelt en Verbeek, Amsterdam 1702)

Decker, Jeremias de, ‘Vrijheid’, yn: Rym-oeffeningen. Eerste boek, 30

Dumas, Alexander (1802-1870) ferw. nei ‘in roman’

Effen, Justus van (1684-1735), ‘Kijfachtige vrouwen’, de Hollandsche Spectator (20 maart 1734) 29.

Erasmus (1466-1536), Dat constelijck ende costelijck Boecxken, Moriae Encomion: Dat is, een Lof der Sotheyt. Oers. Johan Geillyaert (Willem Geillyaert, Emden 1560)

Freiligrath, Ferdinand (1810-1876), Gedichte (Cotta, Stuttgart / Tubingen 1838)

Gellert, Christian Furchtegott (1715-1769), ‘Der Dorfer und der Stadte Plage’, yn: Samtliche Werke. Erster Band: Fabeln und Erzahlungen (Karlsruhe 1818) 128.

Gellert, Christian Furchtegott, fabel oer mank rinne, gewoan rinne.

Goeree, Jan (1670-1731), ‘De wereld vol kool, of Koolzang’, yn: Mengelpoëzy (Pauli, Amsterdam 1734) 343-345

Graaff, Martinus Hendrik de (1813-1887), ‘Het landelijk gehugcht’, Friesche Volksalmanak 1836 (L. Schierbeek, Leeuwarden 1835) 96-98

Halbertsma, Joast (1789-1869), ‘It Boalserter Nut’, yn: Rimen en Teltsjes (A.J. Osinga, Drachten 1994) 42-56

Heijst, M. van, wed. Vinkenra (1738-1820), ‘Het wachtend meisje’, yn: Volksliedjes. Eerste stukje (Maatschappij: tot Nut van ’t Algemeen, Amst8ierdam 1793) 65.

Huygens, Constantijn (1596-1687), ‘Tongen vliemen’, yn: Koren-bloemen. Nederlandsche gedichten van den heere van Zuylichem, Dl. 2 [1658], fermeardere útjefte (Johannes van Ravesteyn, Amsterdam 1672) 293

Japicx, Gysbert (1603-1666), ‘Sliuecht en riuecht’, yn: Twaede deel, aef to-haecke op Gysbert Japicx Friesche Rymlereye (Johannes Proost, Ljouwert 1821) 62

Japicx, Gysbert, ‘Jy gnorje dus, hwet wol jy ‘t lân bikibje?’ ensafh oant ‘En haw nen lân, mar d’ himel in bijeart.’ Ut: Reamer en Sape

Japicx, Gysbert, ‘Jy dwane as ‘t hert, as ‘t sketten is sil ‘t rinne’. Ut: Reamer en Sape

Kotzebue, August von (1761-1819)

Langendijk, Pieter (1683-1756), ‘Geld’, yn: De gedichten, Dl. 4 (J. Bosch, Haarlem 1760) 353

Langendijk, Pieter, ‘De zwetser. Kluchtspel’, yn: De gedichten, Dl. 2 (J. Bosch, Haarlem 1760) 287-327.

Neuhofer, Gerhard Adam (1773-1816), ‘Freundschaft’, yn: Gedichte. Erstes Bandchen (Stagesche Buchhandlung, Leipzig z.j. [1804] 142-144

Robidé van der Aa, C.P.E. (1791-1851), ‘Het bloemenmeisje’, yn: Robidé van der Aa et.al., Onderhoudende verhalen en gedichten in proza en poezij (H. Horneer, Gorinchem 1842) 243-244.

Rutgers, Abraham (1775-1809), publisearre yn de ûnder ortodoske protestanten kontroversjele bondel De Evangelische gezangen om nevens het boek der psalmen bij den openbaren godsdienst in de Ned. Herv. Kerk gebruikt te worden fan 1807.

Sue, Eugène (1804-1857), De wandelende Jood. 9 Dln. (Gebroeders Diederichs, Amsterdam 1844-1845)

Sluiter, Willem (1627-1673), ‘Na Achter-klap niet te luysteren’, út: Gezangen van Heilige en Godtvruchtige stoffe (Gerbrandt Schagen, Amsterdam 1687) 160-161.

Tollens, Hendrik (1780-1856), ‘Bemoediging’, yn: Gezamenlijke dichtwerken I-III [1808-1815] (Suringar, Leeuwarden 1855) 43

Tollens, Hendrik, ‘Het huwelijk’, 83

Veen, Hjerre Gerrits van der (1816-1887), Clipsrymkes (W.J. Bruining, Frjentsjer 1846) 30

Vondel, Joost van den (1587-1679), Gysbreght van Aemstel (1659)

Vondel, Joost van den, ‘Van de wind, zonne, ende wandelaar’, Vorstelijke warande der dieren (Dirck Pietersz, Amsterdam 1617)

Westerman, Marten (1755-1852), ‘De aalmoes’, yn: Dichterlijke mengelingen (M. Westerman, Amsterdam 1822) 77-79.

Witsen Geysbeek, Pieter Gerardus (1774-1833), ‘Hulp’, yn: Puntdichten, Dl. 2 [1809] (C.L. Schreijer, Amsterdam 1834) 29.

 

Algemien

Bergh, L.P.Ch. (1805-1887), De Nederlandsche volksromans. Eene bijdrage tot de geschiedenis onzer letterkunde (Schonekat, Amsterdam 1837). 

Cate, Steven Blaupot ten (1807-1884), Armwezen en armverzorging (Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen, Amsterdam 1851)

Lulofs, B.H. (1787-1849) Over Nederlandsche spraakkunst, stijl en letterkennis als voorbereiding voor de redekunst (Oomkens, Groningen 1823)

Schiotling, Elise (1822-1904), De behandeling der dienstboden (Maatschappij tot Nut van ‘t Algemeen/Du Mortier en Zoon, Leiden 1852). 30

 

Noaten

  1. De fjouwer folle lettere ôfleveringen fan it ferfolch, ‘De nije winskhoed’ yn De Fryske Húsfreon 13 (1863) en 14 (1864) bliuwe hjir bûten beskôging.
  2. Sjoch foar in teoretyske behanneling fan it begryp Graham Allen, Intertextuality (Routledge, Londen/New York 2000).
  3. Ik tsjut hjir op de saneamde spesifike yntertekstualiteit, nei G.J. van Bork et.al., Letterkundig lexicon voor de neerlandistiek (DNL 2002-). Literêr-histoarysk jildt yntertekstualiteit as ferset tsjin de romantyk: ‘Intertekstualiteit wordt gezien als een reactie op literatuuropvattingen van de romantiek waarin de auteur gezien werd als een geniaal en volstrekt oorspronkelijk en onafhankelijk individu dat alleen originele teksten produceerde. Moderner auteurs hanteerden een andere schrijfwijze, waarbij genreconventies doorbroken worden en bestaande teksten in de eigen tekst werden geïncorporeerd, al dan niet met bronvermelding. Daarmee werden originaliteit en individualiteit ter discussie gesteld.’ Webside: http://www.dbnl.org/tekst/bork001lett01_01/bork001lett01_01_0010.php. Krigen 9 maaie 2018.
  4. Nancy Vogeley, ‘Intertextuality and nineteenth-century nationalism: Perucho, nieto de Periquillo’, Bulletin of Hispanic Studies 71:4 (1994) 485-497, 485.
  5. Susan Stewart, Nonsense. Aspects of intertextuality in folklore and literature (John Hopkins University Press, Baltimore and London 1978) 57-66.
  6. Charles Taylor, ‘The politics of recognition’, yn: Amy Gutmann, red., Multiculturalism and the politics of recognition (Princeton University Press, Princeton 1994) 25-73.
  7. L.P.C. van den Bergh, De Nederlandsche volksromans. Eene bijdrage tot de geschiedenis onzer letterkunde (Schonekat, Amsterdam 1837) iii.
  8. R. Pennink, Nederland en Shakespeare. Achttiende eeuw en vroege romantiek (Martinus Nijhoff, Den Haag 1936) 191.
  9. Op sa’n selde weromferwizen nei in midsieuske aktor yn in eigentiidske, realistyske stoarje, dy’t fierder los fan syn romantyske foargonger stiet, is Dykstra syn twadde roman De Fryske Thyl Ulespegel (1860) basearre en ek dêr neamt de skriuwer it boek fan Van den Bergh.
  10. Japik Japiks [Waling Dykstra], ‘De winskhoed fan Fortunatus’, De Fryske Húsfreon 1 (1851) 58.
  11. M.H. de Graaff, ‘Het landelijk gehugcht’, Friesche Volksalmanak 1836 (Schierbeek, Leeuwarden 1835) 95-98.
  12. Beatus ille, qui procul negotiis, / Ut prisca gens mortalium, / Paterna rura bobis exercet suis, / Solutus omni foenore’: Lokkich is hy, dy’t fier fan ’t drok bedriuw, / Lykas it oerâlde slachte fan stjerlingen, / Mei eigen oksen syn heite jikkers bewurket, / Frij fan alle skulden.
  13. M.H. de Graaff, Historisch-romantische verhalen uit de geschiedenis van Friesland, Vlaanderen en Spanje (Bakker Nieuwediep, Leeuwarden 1844; 2e pr. Meindertsma, Leeuwarden 1845).
  14. Japik Japiks [Waling Dykstra], ‘De winskhoed fan Fortunatus’, De Fryske Húsfreon 1 (1851) 58.
  15. ‘’t Valt ligt een’ mensch te helpen; maar / Dit kiesch te doen, valt uiterst zwaar.’ Ut: ‘Hulp’, yn: P.G. Witsen Geysbeek, Puntdichten. Tweede deel [1809] (C.L. Schreijer, Amsterdam 1834) 29.
  16. Jezus Sirach 18:15: ‘Wanneer gij weldoet, doe het zonder berisping, en laat uwe gift van geene bedroevende redenen vergezeld zijn. Is het niet de dauw, die de brandende hitte afkoelt?’ Sitearre út: J.H. van der Palm, grst., De apokryfe boeken des Ouden Verbonds (Du Mortier en Zoon, Leiden 1830) 20.
  17. Yn de rubryk ‘Uit en voor het dagelijksch leven. De mensch en de opvoeding’, Bijdragen tot bevordering van de kennis en den bloei der Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen 3 (1844-1845) 16.
  18. Yn de rubryk ‘Uit en voor het dagelijksch leven. De mensch en de opvoeding’, Bijdragen tot bevordering van de kennis en den bloei der Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen 3 (1844-1845) 16.
  19. In oersjoch jout Willemien B. de Vries, Wandeling en verhandeling. De ontwikkeling van het Nederlandse hofdicht in de zeventiende eeuw (1613-1710) (Verloren, Hilversum 1998).
  20. De Georgica fan Vergilius en de Epoade 2 fan Horasius binne ‘contemporaneous laudationes of country life in keeping with the Augustan program of reform’ en ‘are not likely to have been written in isolation from one another’. Robert W. Carubba, The Epodes of Horace. A study in poetic arrangement (Mouton, Den Haag 1969) 86. Lân waard ûnder Augustus oerdroegen fan grutgrûnbesitters en adel oan de boeren sels, dat wol sizze, oan demoblisearre soldaten dy’t foar har tsjinsttiid beleanne waarden mei lân en by steat steld waarden om boer te wurden. It positive plattelânsbyld tsjinne mei oare wurden as propagandamiddel foar de keizerlike polityk.
  21. Dirk Rafaelsz Camphuysen, ‘Mayschen morgen-stondt’, yn: Idem, Stichtlycke rijmen, om te lesen ofte singen [1624] (Jacob Colon, Amsterdam 1647) 283-284.
  22. H.J.M.F. Lodewick, Literatuur. Geschiedenis en bloemlezing, Dl. 1 (L.C.G. Malmberg, ’s-Hertogenbosch 1968) 189.
  23. G.A. van Es, G.S. Overdiep, Geschiedenis van de letterkunde der Nederlanden, Dl. 4 (Teulings’ Uitgevers-maatschappij L.C.G. Malmberg, 's-Hertogenbosch / Standaard Boekhandel, Brussel z.j. [1948] 34.
  24. Jacob Cats, Alle de wercken van den Heere Jacob Cats, twee deelen, Dl. 1 (Nicolaas ten Hoorn e.a., Amsterdam 1712) 498.
  25. Heidi de Mare, Het huis en de regels van het denken. Een cultuurhistorisch onderzoek naar het werk van Simon Stevin, Jacob Cats en Pieter de Hooch, Dissertaasje (Vrije Universiteit, Amsterdam 2003) 256 <http://dare.ubvu.vu.nl/handle/1871/10740>.
  26. Elias Annes Borger, ‘Aan den Rhijn, in de Lente van het jaar 1820’, yn: Ib, Gedichten (De Hynsteblom, De Jouwer 1984) 114-117. 
  27. Japik Japiks [Waling Dykstra], ‘De winskhoed fan Fortunatus’, De Fryske Húsfreon 1 (1851) 122-123.
  28. Henderik Tollens, Dichtwerken III, 79-98. Wêrby’t ek, sjoen it syktebêd fan Waling Dykstra syn frou, miskien wiisd wurde mei op de foargeande rigel by Tollens: ‘De orkaan, van rampen zwart, barste open op uw kiel:’.
  29. Gysbert Japicx, ‘Sliuecht en riuecht’, yn: Twaede deel, aef to-haecke op Gysbert Japicx Friesche Rymlereye (Johannes Proost, Ljouwert 1821) 62.
  30. Ph. Breuker, It wurk fan Gysbert Japicx II-2 (Fryske Akademy, Ljouwert 1989) 480.
  31. Simon Stijl, ‘Op Gijsbert Japiks’, Nagelaten gedichten. Toneelpoëzij (Suringar en Van der Plaats, Leeuwarden 1835) 103.
  32. Jan Goeree, ‘De wereld vol kool, of Koolzang’, yn: Idem, Mengelpoëzy (Pauli, Amsterdam 1734) 343-345.
  33. Witsen Geysbeek, ‘Jan Goeree’, Nederduitsche dichters II.
  34. K. ter Laan, ‘Jan Goeree’, Letterkundig woordenboek voor Noord en Zuid (G.B. van Goor Zonen’s Uitgeversmaatschappij, Den Haag / Djakarta 1952).
  35. Harmen Sytstra, ‘De koalferkeaper’, yn: Idem, Tsien tuwsen uwt de lottery oaf Jouke Rommerts’ scriften (Ypma, Frjentsjer 1841) 205-215.
  36. Christian Furchtegott Gellert, ‘Der Dorfer und der Stadte Plage’, yn: Idem, Samtliche Werke. Erster Band: Fabeln und Erzahlungen (Karlsruhe 1818) 128.
  37. Constantijn Huygens, Koren-bloemen. Nederlandsche gedichten van den heere van Zuylichem. Tweede deel, fermeardere útj. [1658] (Johannes van Ravesteyn, Amsterdam 1672) 293.
  38. Japik Japiks [Waling Dykstra], ‘De winskhoed fan Fortunatus’, De Fryske Húsfreon 2 (1851) 21-22.
  39. Jacobus Bellamy, ‘Het vergenoegen’, yn: Ib., Gedichten. Nieuwe vermeerde uitgave (A. Loosjes, Haarlem 1826) 21.
  40. J.J. Kloek, ‘De titaantjes van Tachtig: de Poëtische Spectator van Jacobus Bellamy en de zijnen (1784-1786)’, Tijdschrift voor Tijdschriftstudies 10 (2001) 11-28, 20.
  41. P.J. Buijnsters, ‘Jacobus Bellamy / Zelandus 1757-1786’, yn: Anton Korteweg en Murk Salverda, red., ‘t Is vol van schatten hier…, Dl. 1 (Bezige Bij, Amsterdam/’s Gravenhage 1986) 2-22, 22: ‘Voortaan bleef Bellamy, als later Perk en Lodeizen, een bijna mythische gestalte: aankondiger van een vernieuwing die hij zelf niet meer mocht beleven.’
  42. Hjerre Gerrits van der Veen, ‘Clipsode’, yn: Idem, Clipsrymkes (W.J. Bruining, Frjentsjer 1846) 30.
  43. Pieter Langendijk, ‘Geld’, yn: Idem, De gedichten. Deel 4 (J. Bosch, Haarlem 1760) 353.
  44. A.J. van der Aa, Biographisch woordenboek der Nederlanden. Deel 11 (J.J. van Brederode, Haarlem 1865) 125.
  45. Jeremias de Decker (1609-1666), Rym-oeffeningen. Tweede boek [1659] (De Coup, Lamsvelt en Verbeek, Amsterdam 1702) 134.
  46. Marten Westerman, ‘De aalmoes’, yn: Idem, Dichterlijke mengelingen (M. Westerman, Amsterdam 1822) 77-79.
  47. Japik Japiks [Waling Dykstra], ‘De winskhoed fan Fortunatus’, De Fryske Húsfreon 2 (1852) 180. Japiks jout yn in noat de boarne fan it sitaat: Steven Blaupot ten Cate (1807-1884), Armwezen en armverzorging (Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen, Amsterdam 1851).
  48. Jacob Cats, ‘Draag je doeken, wacht voor hoeken’, yn: Idem, J. van Vloten (red.) Alle de werken, Dl. 1 (Erven J.J. Tijl, Zwolle 1862) 69.
  49. Jeremias de Decker, ‘Vrijheid’, yn: Rym-oeffeningen. Eerste boek, 30.
  50. Willem Bilderdijk, ‘De vloek, romance’, yn: Mengelpoëzij, bevattende vertellingen en romances (J. Doll, Amsterdam 1799) 238-250.
  51. Japik Japiks [Waling Dykstra], ‘De winskhoed fan Fortunatus’, De Fryske Húsfreon 3 (1853) 30.
  52. Sjoch Abe de Vries, ‘Konstruksje fan sosjale identiteit yn it Fryske realisme. It betide wurk fan Waling Dykstra (1848-1860)’. Lêzing holden op it First Humanities Congres fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, 25 april 2018. Publisearre mei Ingelske oersetting yn Fers2 4-9 (2018). Webadres: http://www.fers2.eu/konstruksje-fan-sosjale-identiteit-yn-it-fryske-realisme-waling-dykstra/. Krigen 6 juny 2018.
  53. Gysbert Japicx, ‘Reamer en Sape’, yn: Idem, Friesche rymlerye [1668] (Kerst Tjallings en Gerrit Heegslag, Leeuwarden 1681) 60-67.
  54. Japik Japiks [Waling Dykstra], ‘De winskhoed fan Fortunatus’, De Fryske Húsfreon 3 (1853) 204.
  55. Joost van den Vondel, Ghysbregt van Aemstel (Amsterdam University Press, Amsterdam 1994) 108.
  56. Japicx, ‘Reamer en Sape’, yn: Idem, Friesche rymlerye [1668] (Kerst Tjallings en Gerrit Heegslag, Leeuwarden 1681) 60-67, 66.
  57. G.A. Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (A.J. Osinga, Boalsert 1926) 372-373. De brief datearret fan 28 july 1851.
  58. Arno Neele, De ontdekking van het Zeeuwse platteland. Culturele verhoudingen tussen stad en platteland in Zeeland, 1750-1850, Dissertaasje Universiteit van Utrecht (Wbooks, Zwolle 2011) 140: ‘Onder leiding van Jacob Cats heeft een groep Zeeuwse dichters in de eerste helft van de zeventiende eeuw bijvoorbeeld al willen laten zien dat Zeeland zich juist wel kon meten met Holland en Hollandse dichters als Heinsius, Hooft en Bredero. Om dit te bewijzen publiceerden zij in 1623 een gedichtenbundel onder de veelzeggende titel Zeeusche Nachtegael, waarmee zij bewust verwezen naar de benaming van de kikker als Zeeuwse nachtegaal en naar het beeld dat uit Zeeland alleen maar gekwaak en geen gezang kwam.’
  59. J.P. Arend, red., Bloemlezing uit de werken van Pater Abraham van St. Clara; benevens eene verhandeling over zijn leven, karakter en schriften (A. ter Gunne, Deventer 1837).
  60. In oersjoch jout W.J. Noordhoek, Gellert und Holland (H.J. Paris, Amsterdam 1928) 148-153.
  61. Klaartje Groot, Geliefd en gevreesd. Duits toneel in Nederland rond 1800 (Verloren, Hilversum 2010).
  62. De wandelende jood yn 1844-45 en De verborgenheden des volks yn 1850.
  63. B.H. Lulofs, Over Nederlandsche spraakkunst, stijl, en letterkennis, als voorbereiding voor de redekunst, of welsprekendheidsleer (J. Oomkes, Groningen 1823) iix.
  64. B.H. Lulofs, Over Nederlandsche spraakkunst, stijl, en letterkennis, als voorbereiding voor de redekunst, of welsprekendheidsleer (J. Oomkes, Groningen 1823) x.
  65. J.J. Kloek, ‘Burgerdeugd of burgermansdeugd? Het beeld van Jacob Cats als nationaal zedenmeester’, yn: Remieg Aerts en Henk te Velde, red., De stijl van de burger. Over Nederlandse burgerlijke cultuur vanaf de middeleeuwen (Kok Agora, Kampen 1998) 100-122, 114.
  66. ‘Siet alsser yemant boecken schrijft, / De leser lacht, de leser kijft, / De leser prijst, de leser spot, / En beyde dickmael sonder slot; / De leser juyght, de leser geckt, / En al na dat hy is gebeckt, / En die het veeltijts minst beseft / Dien isset die het harde treft.’ Ut: Jacob Cats, ‘Die aen den weg timmert, heeft veel berigts’, yn: Idem, Alle de werken. Zesde deel, 21-22.
  67. Willeke Los, Opvoeding tot mens en burger. Pedagogiek als cultuurkritiek in Nederland in de 18e eeuw (Verloren, Hilversum 2005) 37.
  68. E.J. Potgieter, ‘Het Rijksmuseum te Amsterdam’ yn: Idem, Afrid ter Valkenjacht en Het Rijksmuseum te Amsterdam (G.M.J. Duyfhuizen, Rotterdam 1981). Oarspr. yn De Gids, 1844.
  69. Oarspr. yn De Gids, 1863. Opnommen yn Conrad Busken Huet, Litterarische fantasien en kritieken, Dl. 1 (H.D. Tjeenk Willink, Haarlem z.j. [1884]).
  70. Under mear yn Simon Schama, The embarrassment of riches. An interpretation of Dutch culture in the Golden Age (Collins, Londen 1987) en A. Agnes Sneller, Met man en macht. Analye en interpretatie van teksten van en over vrouwen in de vroegmoderne tijd (Kok Agora, Kampen 1996). Lês ek Opheffer [Theodor Holman], ‘Ons goud’, De Groene Amsterdammer 32 (8 augustus 2012): ‘Op vakantie heb ik Vondel, Cats en Multatuli gelezen. Aan Cats heb ik werkelijk het meeste plezier beleefd. Onbegrijpelijk dat hij niet meer geciteerd wordt, niet meer in ons gedachten- en gevoelsleven een rol speelt. Cats is leuk, speels, moraliserend, gek, geil, flauw en gemakzuchtig.’
  71. Jan Jelles Hof, ‘Waling Dykstra. 7.’, Nieuwsblad van Friesland (28 augustus 1901). Hof neamt it in ‘tige moai’ ferhaal en oer Japik Japiks seit er: ‘Dy nije skriuwer, dy’t letter ek oare stikken skreaun hat, forstie ja sa goed as Waling de kinst om him yn moai Frysk to uterjen en wist ek krektlike goed de wei yn ‘t Fryske folkslibben.’
  72. Reinder Brolsma, ‘Oer eigen en frjemd’, Sljucht en Rjucht 14 (1933) 219: ‘Yn dy beide wier de skriuwer fan de gewoane trant ôfwykt, net novellistysk, mar hy jowt it wird oan in âld skearspegeltsje en lit det fortelle, hwet it wederfearn is, earst as greate daemspegel yn in deftich boargerhûs en den navenant mei rampen en tsjinslaggen for de diverse bisitters ôftakjend ta de needrige lêste funksje; (…) wol mei fen de geskiktste lektuer, fortellend aventûrlik en op sommige dingen nei tige genietber.’
  73. Gerben Visser, ‘De boarnen fan Waling-oms folksskriuwerij’, Us Wurk 21-22 (1972-1973) 223-236, 223-224 <https://ugp.rug.nl/uswurk/article/viewFile/28879/26237> [krigen 13 juny 2018].
  74. Ype Poortinga, ‘Ynlieding’, yn: Waling Gerrits Dykstra, In dei fan plezier. Forhalen (De Tille, Ljouwert 1971) 11.
  75. A. Feitsma, ‘Kader en probleemstelling’, yn: Literatuur in sociaal perspectief: lezingen gehouden op het symposium van 6 april 1974 te Leeuwarden/Ljouwert, georganiseerd door de Ynteruniversitaire Stúdzjerie Frysk (Rodopi, Amsterdam 1976), 5-8, 6-7.
  76. Besprek troch Aaron fan de twadde jiergong fan De Fryske Húsfreon: Aaron, ‘De Frîsce Hûsfrjeun. Rím en onrîm, ûtjown fen Waling Dykstra, oender meiwirking fen oaren. Oarde Boek. To Freantsjer, by E. Ippius Fockens. 1852.’, De Gids 17 (1853) 237-240, 239. Ek yn Iduna (1852), it tydskrift fan Harmen Sytstra, priizget ‘Q.W.’ (Sytstra sels) it wurk fan Japik Japiks: ‘Nearne hat De Frysce Huesfrjeun mear eare fen, as det Japik Japiks in trouwe mei-arbeider is. Fen al hwet der yn dizze (earste) jiergong stiet, mintet dy syn wirk boppe de oare stikken út. Sûnder oerdriuwing teikent er trochstrings de minsken fiks of lyk as se binne. Taest er sims wol ris just net hiel djip yn it minskeherte, syn foarstelling is meastal libben en natûrlik en hwet it measte seit, út syn skriuwen azemt in tige goede geast.’ (Jan Jelles Hof, ‘Waling Dykstra. 7.’, Nieuwsblad van Friesland (28 augustus 1901).)
  77. Aaron, ‘De Frîsce Hûsfrjeun. Rím en onrîm, ûtjown fen Waling Dykstra, oender meiwirking fen oaren. Oarde Boek. To Freantsjer, by E. Ippius Fockens. 1852.’ [besprek], De Gids 17 (1853) 237-240, 240.
  78. Joep Leerssen, ‘Van Lennep als romanticus’, De negentiende eeuw 38-3 (2014) 144-155.
  79. Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda. Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Fryske Akademy, Leeuwarden 1998) 194. Sjoch ek de resinsje fan Henk te Velde, ‘Friese identiteit is vooral niet Hollands’, NRC Handelsblad (5 juny 1998).
  80. Michel Foucault, Joseph Pearson (red.), Fearless speech. (Semiotext(e), Los Angeles 2001) 70.
  81. Walter Benjamin, Der Erzahler. Betrachtungen zum Werk Nikolai Lesskows [1936], yn: Idem, Gesammelte Schriften, Dl. 2 (Suhrkamp, Frankfurt a.M. 1977) 438-465.

Ut dit essee sitearje kin sa: De Vries, Abe. “In manifest út de Nederlânske perifery: Literêre ferwizingen yn ‘De winskhoed fan Fortunatus’” Fers2. Abe de Vries & Friduwih Riemersma, 17 juny 2018. Web. Dei moanne jier dat it essee krigen is.