name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Abe de Vries - Fers2 nû. 3.15, 1 oktober 2017

 

image abe de vries - indian summer

 

Indian summer yn in sjaletsy op ’e Twizelerheide

 

1

 

 

Foar it rút Crazy, it hynder sûnder namme,

    tjirget tsjin it spantou foar wat gers.
De sinne jout net werklik fan ketoen,
    as strielet er beskamme
 
oer de skrale takomst dy’t er lêst.
    Oer ’t fjild de lêste tsjoen,
fan ’e Wâlden ljocht omklamme;
    gouden flues krûpt oer de klûs dêrnêst.
 
’t Is te let septimber en sprek soen
    oer ’t lytse bosk – ,,Ferjamme!”;
dêr slacht yn ’t hout in seage fêst
    en yn ’t griene wurdt it brune sjoen.
 
 
2
 
Leafste, sa suver is langer n’t ien mear
    om de lânstaal mei te praten
en tegearre de mûle te spielen
    oer de pronkstikken fan ’t regear,
 
as dy. Under pauwe-eagen fan fanaten
    (gjin hauk syn slach om foar te fielen)
koartsje dizze dagen ús petear
    yn mei simmers’ laureaten,
 
dy’t berne’ stimbannen stielen,
    har guozzefearren, kear op kear.
Do seist, wat azen kinne kaarte?
    Wat tiid helpt ús súv’rens út te dielen?
 
 
3
 
Wat, as de wrâld rint nei ûntheffing
    foar it foarmjen fan it wurd
en it lêzen – wat ea útdrukking wie
    fan it rjocht op férheffing?
 
Ik wit net wat it is; wol wêr’t it gie:
    poëzij, iepen boek, fjurren ring,
wie in hite hij, gjin lyts lân grut.
    Let fjoer is ’t, sinnestriel,
 
fan ’e stamkes yn ’e ôffreding,
    om in tútsje yn ’e blokhut
túchskampend singels yn, nei hiel
    leafde syn skrifttalige genêzing.
 
 
4
 
Foar it rút Crazy, ’t hynder sûnder tek.
    Fljocht nei fan ealjebijen
oanstutsen kastomaten by de bjirkewâl.
    Ik tink, dêr giet er, net âld mei brek
 
en butst, mar frij en net mijen,
    en hy trapet net it strie op stâl
yn dit dressuerwinnend tiidrek,
    brinzgjend om in hânfol biks te krijen.
 
Rjochtop de ruter, mei de sinne mâl;
    in jonge geast, yn tiid in wek.
It hynder, dat tsjin ’e jûn komt te flijen,
    wat dertene, wylde fôle!