name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

It folk, skjin as wetter

Konstruksje fan kritysk Frysk folkseigen by Waling Dykstra

Abe de Vries - Fers2 3.6, 26 maart 2017

 

it folk image

 

 

It lange gedicht ‘In glês wetter’ yn For de praetstoel en de hirdshoeke (1877) is allinnich al wat de foarm oanbelanget in prestaasje fan formaat.Yn: Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877) s. 28-39. It telt — sjoch hjirûnder — mar leafst 47 tuskenrymjende sekstetten mei it rymskema aabccb.H. van Gorp e.o, red., Lexicon van literaire termen (7e herz. dr.; Groningen 1998) s. 383. Dêrby is it ek regelmjittich wat it tal fersfuotten fan de jambyske rigels yn de sekstetten oanbelanget: 44/3/44/3. En, noch in klassyk aspekt, hieltyd is der deselde ôfwikseling fan froulik en manlik einrym: de pearde rimen binne manlik, de tuskenrimen froulik. Dat lange en strang foarmlike foardrachtstik hat Waling Dykstra tige flyt op dien foar syn Winterjounenocht-optredens. It set fraachtekens by de ‘foarútgong’ fan maatskippij en minske yn Fryslân en beslút sa:

En dêrom wie ’t wol goed, dat hja
Dy ’t minskdom t’ ûnderrjochtsjen ha,
        Har haaddoel hjir fan makken:
Om needrichheid yn alle dwaan, -
Mei wurden en mei foarbyld-jaan,
        Te preekjen fan de dakken.Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877) s. 39. In pear jier earder wie fan him Fryske sang. Nij lieteboek mei fjirtich sangen (F.A. Bosman, Frjentsjer 1874) ferskynd dat in jier letter al werprinte waard; it liet ‘Ald en nij’ (s. 8) brocht yn koart bestek itselde boadskip: ‘Doe’t pake jit feint wie en beppe wie faem / Doe wie ’t allegearre net heal sa foarnaam. / Foarútgong is nou / It roppen al gau, / Mar ’t falt yn in hiele boel dingen hwat ou.’

Sosjale identiteitsrepresintaasjes binne ûnder mear op te spoaren troch te sjen nei de takenning fan sosjale wearden en de definysjes fan sosjale doelen yn in tekst.Rawi Abdelal e.o., ‘Identity as a variable’, Perspectives on politics 4-4 (December, 2006); Veronika Koller, ‘How to analyse collective identity in discourse – textual and contextual parameters’, Critical approaches to discourse analysis across disciplines 5-2 (2012). Beide kinne út ’e folop oantroffen wurde yn it gedicht. ‘Nederich’, net heechmoedich wêze moat it folk. It betsjut beskiedenheid, tsjinstberens, sels­ferleagening, net hawwe wolle wat je net krije kinne, net mear wêze wolle as dat je binne. Dy eigenskippen fan de minsken moatte befoardere wurde. It giet om folkstrêften, dy’t oantaaste wurde troch de negative kanten fan de ‘foarútgong’. De opmars fan it selsbelang (‘oerlis en snoad ferstân’)Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877) s. 28. set in domper op ’e foarútgong en soarget foar pronksucht en grutheid (‘de sucht nei grutte steat’)Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877) s. 38., jin oars foardwaan as dat men is. It bringt ek bedragerij en ferdieldheid yn ’e maatskippij fanwegen. It ienfâldich, earlik folk, dat fan himsels sa ‘echt’ en skjin is as it wetter, yt tefolle mar noait genôch fan de Kennisbeam. En dan wurdt it misbrûkt en yn ’e ferlieding brocht om fierstente wiis te wurden ‘yn ferkearde winsken’.Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877) s. 38.

It fers wol ik hjir besjen as in krityske identiteitsrepresintaasje, dy’t reagearret op 19e-ieuske maatskiplike ûntjouwingen út in opfallende kombinaasje wei fan rasjonele ferljochtingsidealen, in ier-romantyske fisy op de trêften fan de Landmann (Herder) en befynlike sosjale noarmen en wearden. Dykstra as ferljochter is in bekende figuer. Oer de romantyk yn syn wurk is al in stik minder skreaun, en hoewol’t earder wol opmurken is dat it wurk yn ’e begjintiid rekflakken hie mei de geastlike wrâld fan de ortodoksy, hat dat aspekt net laat ta fierdere stúdzje.Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (Laverman, Drachten 1957; or. 1938) s. 140: ‘(..) al lizze yn dizze jierren syn mooglikheden mear kanten út as letter wol; sjoch syn fersewurk út de bigjintiid mar.’

1

Ynhâldlik kin men sa’n fers fansels al ferskillend beoardielje. Is it boargerlik paternalisme?Ferl. oer midden-19e-ieuske literatuer yn Nederlân, Marita Mathijsen, Het literaire leven in de negentiende eeuw (Martinus Nijhoff, Leiden 1987) s. 22-23: ‘Kerk en overheid steunden elkaar in de verspreiding van boeken met een goede inhoud. Dat waren boeken waarin deugdzaamheid, vaderlandsliefde en godsdienstzin aangekweekt werden. Standsverschil werd erin voorgesteld als door God gewild. Een kleine stijging op de sociale ladder was mogelijk als iemand vlijtig, spaarzaam, godsvruchtig, nederig en deugdzaam was. Degenen die al hoog op de ladder stonden werd voorgehouden hoe ze konden tuimelen door een slecht leven.’ Dat soe kinne, mar by Dykstra ferhâlde syn polityk-liberale profyl en de sosjale belangstelling foar de lytse man, dy’t part hat oan beskate, troch him wurdearre kollektive karaktertrekken, har dêr net hiel goed ta. Is it dan in ‘linkse’ krityk op in ier-kapitalistyske graaiersmentaliteit fan de hegerein, dy’t opkeard wurde moatte soe? Beswierlik, want de sinjalearre misstannen en skeefgroei binne oeral en fan heech oant leech. It liket der op dat it gedicht krekt dêrop in antwurd besiket te finen – op de yn it ramt fan maatskiplike ûntjouwingen as ûngelikense wolfeartsûntwikkeling, yndividualisearring, demokratisearring en konfesjonaliserring optredende maatskiplike ferdieldheid:

Men het ferienings by de fleet,
Men redenearret lang en breed
        Oer ’t echte, ’t goede en ’t wiere.
Men werft en stokelt tsjin elkoar;
Men skimpt en húnt en elk foar oar
        Wol ’t folk nei Eden fiere.Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877) s. 35.

It antwurd wurdt socht yn fersterking fan in ponearre Frysk folkskarakter. Foaroer as negatyf ûnderfûne aspekten fan de yndividualisearring, bygelyks tanimmend hanneljen inkeld út selsbelang, sweeslaan mei groeiende rykdom, oanboazjend bedroch en polityk-religieuze ferdieldheid wurdt, as tsjinwicht en foarbyld, in te priizgjen Frysk folkstype konstruearre: de gewoane Fries, dy’t ienfâldich, earlik, sosjaal, goed fan fertrouwen en nederich is. Fierderop, dêr’t de trêften fan dit folk ferlike wurde mei ‘skjin wetter’,Ek in byld foar de wize minske. Karl Josef Hieronymus Windischmann [1775-1839], Die Philosophie im Fortgang der Weltgeschichte. Erster Zheil: Die Grundlagen der Philosophie im Morgenland. Erste Abteilung (Adolph Markus, Bonn 1827) s. 453, oer in Aldsineesk gedicht út it Boek fan de Lieten: ‘Die Tugend des Vollendeten ist geschmaklos (wie reines Wasser), nicht widrig; schlicht und anmuthsvoll, einfach und ordentlich.’ fynt oansluting plak by de ier-romantyske opfettingen oer Volk fan Johann Gottfried von Herder (1744-1803). Basis fan it Volk wie foar Herder de ‘unterdrückten Landmann’ mei syn ‘unschuldige, ja angenehme Vorurtheile’,J.G. Herder, ‘Gespräch nach dem Tode des Kaiser Joseph’s II’, yn: Briefe zur Beforderung der Humanität. Erste Sammlung. Herder’ Werke, Dl. 13 (Gustav Hempel, 1793-1796). dêr’t de ‘Regent’ fier boppe en bûten stie. Dykstra rimet:

Sjoch dêr in man, dy pielt en skrept
Dei út dei yn; hy wart en rept
        Him, om oan ’t brea te kommen.
Hy lit him net mei dingen yn,
Dy’t him te heech binne of te fyn;
        Hy telt him by de dommen.
 
Hy is yn alles deun en kloek.
Hy draacht deselde sneed fan broek
        En ien bestek fan baitsje
As heite al as jongfeintsje droech.
Al wat útwrydsk is en ûnfoech,
        Dêr kin hy smout om laitsje.
 
Hy jout gjin spul út yn ’e wrâld.
Hy wit, hy moat syn selsbehâld
        Troch flyt en iver sykje,
Net troch gejammer en geskreau. –
It komt my foar, dat sokke ljuw
        Wat op skjin wetter lykje.Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877) s. 35-36.

Pas yn de lettere romantyk wurdt de regint, de bestjoerder, de yntellektueel – koartsein, de hegerein – sels part fan it nederige Volk. It begryp ferhuzet op dat stuit nei it nasjonalistyske filosofysk arsenaal. Hjir blykt hoe’t it folkstype fan Dykstra, konstruearre yn in realistyske taal en kontekst, yn 1877 mei it each op soargen oer tanimmende ferdieldheid en oanboazjend maatskiplik kwea, grûn­fêste is op sawol lette ferljochting as iere romantyk.Liisa Steinby, ‘The rehabilitation of myth: Enlightenment and Romanticism in Johann Gottfried Herder’s “Vom Geist der Ebräischen Poesie”’, yn: Sjuttonhundratal. Nordic Yearbook for Eighteenth-Century Studies, Vol. 6 (2009) s. 54: ‘(..) recent research also emphasises that it is an oversimplification to consider the proto-Romantic Herder as an opponent of the Enlightenment. On the contrary, with his trust in the human cognitive and practical capacities needed for adapting to the natural living conditions of a people and for creating a culture, with his search for ‘natural laws’ governing the history of mankind – however difficult these laws might be to discern – and with his idea of a Humanity in which all men participate and which simultaneously is an ideal to be attained through the joint effort of mankind in history, Herder is a representative of his enlightened century.’ Lykas foar Herder liket it him dêrby ‘wesentlich um die geistige Integration seines eigenen (..) Volkes’Annika Hand, Christian Bermes en Ulrich Dierse, red., Schlússelbegriffe der Philosophie des 19. Jahrhunderts (Felix Meiner Verlag, Hamburg 2015) s. 401. te gean. Hast nergens set er him sa systematysk ta it kreëarjen fan Fryske sosjale represin­taasjes as yn ‘In glês wetter’. Lykas Thales fan Milete siket er om it mienskiplike yn de gaos. De âlde Gryk kaam út by it elemint wetter, de 19e-ieuske Fryske folksskriuwer by ûnderstelde, kollektyf dielde karaktereigenskippen fan warbere plattelâns- en doarpslju, dêr’t er de suverheid en de transparânsje fan wetter yn sjocht.

Fansels tilde it yn de lêste desennia fan de 18e en ek yn it begjin fan de 19e ieu op fan de ferljochte geasten mei belangstelling foar it naïve, ûnûntwikkele en natuerlike libben fan de Landmann.Annika Hand, Christian Bermes en Ulrich Dierse, red., Schlússelbegriffe der Philosophie des 19. Jahrhunderts (Felix Meiner Verlag, Hamburg 2015) s. 399. Yn Fryslân tsjûget it wurk fan de Halbertsma’s en Rinse Posthumus derfan. By harren ienfâldige Volk hat de boargerij himsels yn nasjonale sin oansletten en yn dat ramt wurdt nei de legere stannen sjoen. Oan Joast Halbertsma syn foaropwurd by de tredde printinge fan De lapekoer fen Gabe scroar is ôf te lêzen dat it skreaun is foar de ‘wel opgevoede burgerman’, dy’t is ‘de kracht, het grootste en beste gedeelte des volks, als vertegenwoordigende het geheel’.Bruorren Halbertsma, De lapekoer fen Gabe scroar (3e pr.; Jan de Lange, Dimter 1834) s. 7-8. Ek foar de Frjentsjerter Albertus Telting, abbekaat, rjochter, riedslid, Steatelid, stie Frysk ‘gelijk met naïef, ongekunsteld en eenvoudig, zoals het Friese volk zelf’.Philippus Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme (Wijdemeer, Leeuwarden 2014) s. 156. De romantyske literatuer fan de stedse grutboargerij keppele syn fassinaasje foar it plattelânsfolk yn hiel Europa oan sosjaal konservatisme, rjochte op it yn stân hâlden fan machtsferhâldingen:

Bei vielen Aufklärern aber war diese berufsbildende Förderung gekoppelt mit einer Rousseauschen Vorstellung vom Landmann als reinem, naivem und unverdorbenen Bewahrer menschlicher Tugenden, dessen Unschuld, Gottvertrauen und Demut gegenüber weltlicher Obrigkeit es zu bewahren galt: ein im Grunde nicht emanzipatorisches, sondern rückwärtsgewandtes Ideal, das sich in ihren Schriften für das Landvolk unter den erbärmlichen bestehenden Verhältnissen recht deplaciert ausnahm.Reinhard Wittmann, ‘Der lesende Landmann. Zur Rezeption aufklärischer Bemühungen durch die bauerliche Bevölkerung im 18. Jahrhundert’, yn: Dan Berindei e.o., red., Der Bauer Mittel- und Osteuropas im sozio-ökonmischen Wandel des 18. und 19. Jahrhunderts. Beiträge zu seiner Lage und deren Widerspiegelung in der zeitgenössischen Publizistik und Literatur (Bohlau Verlag, Köln/Wien 1973) s. 158-159.

Mar Waling Dykstra syn gedicht is skreaun yn in oar universum. It bringt gjin idealisearring of ferhulling fan sosjale spanningen; it pretindearret de realiteit te skilderjen fan trêftige folkseigenskippen dy’t faai stean om’t se belegere wurde troch de moderniteit. It set fraachtekens by de ‘foarútgong’, net út in grutboargerlike ‘eangst’ foar it folk wei mar út noed oer syn belangen. Dêrmei slút it oan, net by de nostalgisearjende mar de krityske Rousseau. It Discouse sur les sciences et les arts fan 1750 beantwurde ommers presys deselde fraach: hat de foarútgong fan de wittenskip en de keunsten bydroegen oan it korrumpearjen of oan it suverjen fan de seden? Dykstra warskôget foar it misbrûk dat der fan it ienfâldige skjinwetterfolk makke wurdt troch handige jonges dy’t út selsbelang ferdieldheid saaie:

Hoe nuttich ek, - hja binn’ der rûm.
Dus male follen neat der om
        Oft sokken libje kinne.
Men brûkt se as men se brûke kin,
En makket ien ’t jin net nei ’t sin;
        Men kin nei ’n oaren rinne.
 
Skjin wetter brûkt men oeral by;
Ek by de waar-ferknoeierij.
        Sa wolle ek snoade mannen
It folk, wol earlik, from en froed,
Mar op ’e hichte lang net goed, -
        Wol brûke foar har plannen.Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877) s. 36-37.

2

Opmerklik is dat de Fryske taal net neamd wurdt, mar de taalstriid fan it liet ‘De Fryske taal’, ek yn For de praetstoel en de hirdshoeke, wurdt wol ymplisearre.Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877) s. 156-157. Ommers: taal en folk komme foar Dykstra suver op itselde del. En keunst, sil dy de (Frysktalige) sljochtweihinne minske helpe om syn goede eigenskippen trou te bliuwen en fierder te dragen, kommunisearret en befoarderet sosjale wearden (yn it Frysk). De taak fan de skriuwer is by Dykstra dan ek it jaan fan ‘echte waar’, ‘gjin keunstguod’. Echte waar is folksferljochting: jaan wat ienfâldige minsken út it folk noadich hawwe en brûke kinne foar harren emansipaasje yn ’e maatskippij en om in sa goed en lokkich mooglik minske te wurden. Keunstguod – net echt, neimakke guod, dus net yn artistike sin bedoeld – is alles wat dêr net gaadlik ta is:

Dy ’t grif om folksheil is te dwaan,
Moat echte waar, gjin keunstguod jaanWaling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877) s. 38.

Net om ’e nocht wurdt by Dykstra it skoallestike kredo bonum, verum, pulchrum oanpast ta ‘’t echte, ’t goede en ’t wiere’. It moaie is foar de realiteit ynruile. Net dat de realiteit, it echte, altyd boppe de estetyk, it moaie, gean moat – sjoch nei it formele bouwurk fan it gedicht – mar wol boppe de moade en it al te persoanlike. Keunst moat earder sosjaal rjochte en maatskippijkritysk as estetysk wêze wolle as it folk der wat oan hawwe sil. It fers ‘In glês wetter’ is ien grutte litany fan maatskiplike en minsklike ûnechtens en bedroch. Ek al earder hie Dykstra blike litten in wearzge te hawwen fan nijerwetske fratsen dy’t yn de ekonomyske foarspoed op it plattelân sa tusken 1850 en 1880 – de ‘boerebloeitiid’ – de kop opstutsen. Fansels yn it Winterjounenocht en de Tyl Ulespegel (1860) mar ek yn Haitskemuoi’s klachten oer de nije moaden (1859).Waling Dykstra, Haitskemoai’s klachten oer de nye moden. În rîm brocht en mei în libbensskiednis fen Haitskemoai (Frjentsjer, Telenga 1859). Dat gedicht giet oer de nuveraardige seden dy’t opgong meitsje. De dochters fan widdofrou Haitskemoai, dy’t in buorkerij hat, binne no grut en passe goed op har saken, neffens kunde fan húshâlding,

mar nei Haitskemoai har sin hawwe se wat tefolle nocht oan pronkjen en wyldjeien en bemuoie har te gau mei allerhanne nijichheden, dy’t der sa by de tiid lân yn ’e baan komme. Hja hat soarch, dat as har bern sa’n paadsje ris lâns moatte, lykas hja lâns gien is, dat hja har dêr dan net sa goed troch rêde sille as hja dien hat, om’t de bern har tefolle wenne oan ûnnut jild-útjaan en ek wol ris wat te grutsk binne om sa mar foar de stok op allerhande wurk te dwaan.Waling Dykstra, Haitskemoai’s klachten oer de nye moden. În rîm brocht en mei în libbensskiednis fen Haitskemoai (Frjentsjer, Telenga 1859) s. 11.

De sprekker fan de ynlieding op it fers dêr’t Haitskemuoi yn oan it wurd is, liket wilens in fertocht soad op de skriuwer sels:

Mar ik wol oars hawwe, dat itjinge Haitskemoai seit, net sa heel fier de planke misroaid is; want hja hat dit mar foar ’t doel: as de minsken ienfâldiger, nederiger, kloeker en warberder wiene, dan soene se folle lokkiger libje, en ’t soe ek foar de hele maatskippij foardeliger wêze as dat oerdiedige útwrydske sweeslaan, pronkjen, gastjen en brassen, en dat wierjen en wrotten om mear te wêzen as men wêze kin; dat mannichien de nekke brekt. Nou, wat tinkt jimme, soe ’t âld minske dêryn it rjochte net foar hawwe?Waling Dykstra, Haitskemoai’s klachten oer de nye moden. În rîm brocht en mei în libbensskiednis fen Haitskemoai (Frjentsjer, Telenga 1859) s. 11-12.

3

Foar de ferkwistende, pronkjende en bedragende sosjale ‘foarútgong’ oer komt alsa in krityske Fryske sosjale identiteits­konstruksje te stean, dy’t in etysk karakter hat. Ienheid, ferbân, dielde wearden en dielde seden binne noadich om’t it selsbelang, de ûnearlikheid, de bedragerij, yn winkel, tsjerke en op strjitte de minsken bedjerre én der foar soargje dat it folk misbrûkt en mislaat wurdt. De weardetakenning wiist op in identifikaasje­model dat ûntliend is oan it lytsboargerlike doarpslibben yn strange en ortodoks-protestantske fermiddens dat Dykstra sels hân hat. De sosjale wearden dy’t kommunisearre wurde binne net inkeld oppassend-lytsboargerlik: se komme foar in part oerien mei de geastlike wrâld fan de nije rjochtsinnichheid dy’t nei 1813 opgong makket.

Mienskip, nederichheid, ûnderling fertrouwen, in fijannige bûtenwrâld, mar ek in krigele en striidbere, etyske hâlding binnen en bûten de eigen ‘in-group’, binne yn it each rinnende dielde motiven dy’t spylje yn 19e-ieuske ortodoks-protestantske fermiddens, sawol yn Nederlân as fier dêrbûten en dy’t yn Dykstra syn fisy op de trêften fan de boer, lytse boargerman, ambachtsman, âlderling, wurkman en doarpsman op it Fryske plattelân, de Landmann, werom te finen binne.Sjoch ûnder mear L.H. Mulder, Revolte der Fijnen. De Afscheiding van 1834 als sociaal conflict en sociale beweging (Boom, Meppel 1973) en W.J. Wieringa, ‘De Afscheiding en de Nederlandse samenleving’, yn: W.E.A. Bakker, red., De Afscheiding van 1834 en haar geschiedenis (Kok, Kampen 1984). In historiografysk oersjoch fan ûndersyk nei de Ofskieding jout G.J. Schutte, ‘De Afscheiding van 1834 herdacht’, BMGN 101-3 (1986) s. 400-416. Begjin fyftiger jierren al hie er him yn teologyske sin losmakke fan de rjochtsinnichheid en krige dêrby tagelyk de rop fan in spotter fan Gods folk. Hy waard foargoed in man fan it ‘nije ljocht’, mar dat is mar it heale ferhaal.Op it leauwe fan Waling Dykstra gean ik yn in folgjend essee fierder yn.

Noch yn 1877, docht bliken, hat er yn ien fan syn meast ambisjeuze fersen syn ‘Fryske minske’ út it gewoane folk modelearre nei idealen dy’t har goed ynpasse litte yn de rjochtsinnige ‘mental make up’ út syn jonkheid.Wumkes, ‘Waling Dykstra’, jout wol in hint: hy neamt Dykstra in ‘vermaner’ en bedoelt dat ‘in oud mennisten zin’ (s. 93). Fierderop konstatearret Wumkes dat Dykstra wol in ‘man fan it nije ljocht’ wie, mar dochs ‘heeft hij, als ik het goed zie, ook een tikje van het oude gehad’ (s. 95). By Piebenga: ‘It âld-orthodokse leauwe, dat er ûnder ynfloed fan in freon en it Spannumer formidden in skoft oanhongen hat, siet grif ek net folle djipper as de bûtekant’ (s. 140). Yn 1851 hat er oan Tsjibbe Gearts van der Meulen skreaun oer syn wrakseling mei it kalvinistyske learstik fan de útferkarring.Datearre 28e fen Haimoanne 1851; sit. by G.A. Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (Bolsward 1926) s. 372-373. Hy hat der in tiid hinne libbe, skriuwt er, dat er alles wat net de rook fan ’e ortodoksy hie, ‘skade en drek’ achte, lykas syn freon út Froubuurt dat die, Jacobus Hoitsma. Mar letter doarde er himsels net heal mear as in útferkeazene te sjen. Hy seit dan dat neffens him de leare fan de útferkarring of predestinaasje ‘soargeleaze en goddeleaze minsken makket’. Sa’n leare achtet er wilens yn striid mei it ‘it tinkbyld fan ’n leafdefolle God, dy’t ’t lok fan al syn skepsels befoarderje wol, en fan ’t ferlossingswurk fan Gods Soan, dat wis net op sa’n manear beperke wurde mei’.G.A. Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (Bolsward 1926) s. 372-373. Allinnich troch de genede kin in minske sillich wurde, mient er. Mar syn leauwe seit ek dat minsken ta goed-dwaan, ta de deugd, ferplichte binne, ‘foarearst om te bewizen, dat wy earbied hawwe foar God en syn wetten, en te twaden om ús sels en ús meiminsken safolle lok yn dit libben te besoargjen as ús dwaanlik is’.G.A. Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (Bolsward 1926) s. 372-373. Yn de brief lit er him kenne as ien dy’t beynfloede is troch it teologysk modernisme, de ‘Grinzer rjochting’, mei syn klam op etyk, opfieding, de leafde fan Jezus, it evangeelje en sosjale ferantwurdlikheid.Mirjam Buitenwerf-van der Molen, God van vooruitgang. De popularisering van het modern-theologische gedachtegoed in Nederland (1857-1880) (Verloren, Hilversum 2007).

Piebenga hâldt it derop, it ‘âld-orthodoxe leauwe’ hie by Waling Dykstra net sa heech sitten.Piebenga, Koarte skiednis, s. 140: ‘It âld-orthodokse leauwe, dat er ûnder ynfloed fan in freon en it Spannumer formidden in skoft oanhongen hat, siet grif ek net folle djipper as de bûtekant.’ Dat is mar krekt hoe’t je it besjen wolle. Yn syn foarmjende jongesjierren sil de opfieding yn it leauwe in normaal ûnderdiel west hawwe fan in bredere persoanlike en sosjale praktyk. Thús by pake en beppe yn Froubuorren, dêr’t er oant syn achttjinde jier wenne, waard wol sein dat er dûmny wurde moast.J.W. Dykstra, Waling Dykstra. Syn libben en syn wurk. Biskreaun fan syn soan J.W. Dykstra (A.J. Osinga, Boalsert 1949) s. 14: ‘Myn suster Jeltsje wie mei ús Mem by Jaentsjemuoi útfanhûs yn ’e greidhoeke. Wy sjogge, seit se, nei ‘t skoarstienstik dat Heit útskildere hat. Wy prate oer Heit, en Jaentsjemuoi seit: ,,Ja, Waling most domné worren hè.” Heit is by harren yn ’e bakkerij opbrocht, hja wie Heit syn muoike.’ De húshâlding wie net mei de Ofskieding meigien, ‘maar toch verre van lichtzinnig’, hat Dykstra skreaun. ‘Dat alles wat in den bijbel stond ontegenzeggelijk waar was, werd mij niet alleen in huis en in de kerk, maar ook op school ingeprent.’J.W. Dykstra, Waling Dykstra. Syn libben en syn wurk. Biskreaun fan syn soan J.W. Dykstra (A.J. Osinga, Boalsert 1949) s. 51. Yn syn tiid yn Froubuorren wie er wykeins en yn ’e fakânsjes gauris by syn âlden yn Spannum, dêr’t syn heit bakker wie, mar dan gie er sneins mei nei tsjerke ‘en faek rounen hja ûren fier om in bêste doomny of preker to finen’, meldt soan Jan Walings.J.W. Dykstra, Waling Dykstra. Syn libben en syn wurk. Biskreaun fan syn soan J.W. Dykstra (A.J. Osinga, Boalsert 1949) s. 18. Dy’t ek skriuwt dat syn heit ek letter ‘it âlde leauwe’ noait hielendal kwytrekke. ‘Middeis nei iten die er op syn wurkkeammerke altyd in knipperke op ’e stoel. En as er dat úthie bigoun er to psalmsjongen, mei in fol lûd, dat it oer de fjilden klonk. En ik ha my der as jonge wolris oer forwûndere, dat er de wurden en de wizen sa goed fan bûten koe.’J.W. Dykstra, Waling Dykstra. Syn libben en syn wurk. Biskreaun fan syn soan J.W. Dykstra (A.J. Osinga, Boalsert 1949) s. 55.

Men kin beswierlik miene dat it by Waling-om net sa djip stutsen hat, sa’t Piebenga tocht. It Fryske folkskarakter sa’t it troch Dykstra represin­tearre wurdt yn de hjir behannele tekst is net allinnich polityk liberaal, it is ek like – yntellektueel – frijsinnich as – wat libbenshâlding en sosjale idealen oanbelanget – ‘fyn’. Joast Halbertsma dichte wol mear as tweintich eigenskippen oan de typyske Fries ta,Goffe Jensma, ‘Uit een dodenboom te Lutjelollum. Enkele opmerkingen over het culturele verschil tussen Groningen en Friesland en over de manier waarop dat in de negentiende eeuw werd geconstrueerd’, yn: M.G.J. Duijvendak, red., Regionaal besef in het Noorden (Van Gorcum, Assen 2003) s. 13: ‘Zucht tot vrijheid; behoedzaam, wantrouwend, schuw; geen liefhebber van vreemdelingen, wel gastvrij; afkeer van pochen; eerder geneigd tot doen dan tot spreken; niet vrolijk, maar neigend tot zwaarmoedige ernst; door zwaarmoedigheid stroef, stug en soms besluiteloos; onrustig; arbeidzaam; eerzuchtig; door eerzucht kittelorig; egoïst die naar onafhankelijkheid zoekt; volhardend; stijfhoofdig; slecht en recht; soms lichtgelovig; indien bedrogen, onverzoenbaar; afkerig van na-aperij; daardoor meer originele karakters dan elders; afkeer van militarisme en soldaten.’ dêr’t ek hiel wat eigenaardichheden fan himsels tusken sitte; Dykstra komt yn ‘In glês wetter’ en ‘Haitskemoai’s klachte oer de winter fan 1855’ mar ta in koart rychje sobere identiteitsmarkers: ienfâldich, earlik, nederich, warber, suver, nuttich. Syn wurk bekritisearret wantastannen dy’t de morele en sosjale kwaliteiten fan it Fryske plattelânsfolk oantaaste en syn belangen skea dogge. Sa’n selde fersetshâlding, mar dan op religieus mêd, is yn de Ofskieding en ek yn it Fryske Reveil te merkbiten, dêr’t men him op it tsjerklik mêd like belegere fielde, groepsfoarming mei dúdlike noarmen en gedrachsregels heech hie, emansipearje moast tsjin de maatskiplike hiërargy yn, en de ‘bûtenwrâld’ dus ek mei in skalk each beseach.

De sosjale identiteitskonstruksje troch Dykstra dy’t hjir behannele is, hat sawol in behâldende as in foarútstribjende kant. Sy pakt like kritysk út foar de in-group, dy’t âlde trêften út it each ferliest en sosjaal en moreel kaptaal ferkwânselet, as foar de out-group, dy’t it inkeld mar op selsbelang, bedragerij en misbrûk oanleit. Beide groepen wurdt foarholden dat der in substraat bestiet fan Fryskens – al wurdt it wurd ‘Frysk’ net ien kear neamd yn ‘In glês wetter’ – dêr’t jong en âld, ryk en earm, liberaal of ortodoks him op ferienigje kin ta heil fan de minsken en har libbensgelok. It fuortstreamen fan it skjin wetter is der lykwols net mei opkeard. Al gau soene de earste tekens fan de Grutte Agraryske Krisis (1878-1890) har oantsjinje. Tsientûzenen Friezen stimden yn de tachtiger jierren mei de fuotten: se teagen wei út it heitelân, dat har gjin bestean mear biede koe, nei de grutte stêden yn Hollân, nei Kanada, nei Amearika. Dêr’t se noch in skoft har Frysk-wêzen kultivearren, en bygelyks foar de fertroude gesellichheid lid waarden fan in Fryske krite om utens, of om de ferdivedaasje abonnee op it blêd dêr’t Dykstra, earst yn 1890 en doe fan 1897 ôf stoef fierder yn arbeide oan de konstruksje fan it Fryske folkskarakter: Sljucht en Rjucht.

In glês wetter

Foarútgong! roppe hjoed de dei
Elkoarren alle roppers nei.
        En by dat lûde roppen
Mient elk al tige wat te dwaan,
Troch wat him hindert op syn baan
        Koartwei oan kant te skoppen.
 
Foarútgong yn de priis fan ’t lân;
Yn oerlis en yn snoad ferstân,
        Yn ’t eigen-gloarje-kraaien;
Yn ’t dragen fan in bulte burd,
Yn ’t fieren fan in stevich wurd,
        By piken pas út ’e aaien.
 
Yn krantebluf, yn swetserij,
Yn liepe jild-ynpakkerij,
        Yn easken en yn winsken.
Ek yn de minskemoardners-keunst
En yn ’t genêzen net it minst,
        Fan stik’ne wrakke minsken.
 
Hja witte langer altyd rie.
Hja meitsje mar papier fan strie;
        Fan âlde fodden lekken.
Foar soalleaer brûkt men buordpapier,
Foar bêdfear tuorrebout en wier,
        En sels papier foar ’n tekken.
 
Jawis, yn alles gean de lju
Foarút: just dêrtroch wit men nou
        Fan alles te betinken.
Men hie soms hûngersneed alear;
Nou krij’ we noait gjin krapte mear
        Yn iten of yn drinken.
 
Want waachst der al fan dit of dat
Ris minder as der wêze moat:
        Gjin swierrichheid! Hoefolle
’t Ek skeelt, it bringt gjin lêst te wei.
De snoade minsken meitsje ’t nei.
        Hja meitsje wat se wolle.
 
Hja meitsje mar fan krytwyt moal
En wyn út sop fan reade koal.
        En tee fan wylgeblêden.
Ut beambast brout men beyersk bier;
Madeara-wyn is sikerwier
        Soms beistop foar twa tredden.
 
Neat, wat men yn ’e mûle stekt,
Dêr’t net in sprútsel oan ûntbrekt.
        Men wol ris pankoekbakke;
Men hellet moal en mient men het
Bokwiten blom, mar ’t is sa net;
        ’t Is meast fan rysmoal makke.
 
Men hellet molke. Tsjin jins sin
Is dy wat al te blau en tin
        Troch wol in tredde wetter.
Wat gêst wurdt pankoek boller fan.
Men hellet wat: ’t is âld en min
        En ’t bakt gjin grevel better.
 
Men wol der ’n stikje spek by ha.
’t Is djoer. – Ek bêst? – Och hea noch ta!
        ’t Is wiet en weak fan binnen,
Fan bûten hurd en taai. Men het
It broeid, mar droege het men ’t net;
        Dat soe gjin winst jaan kinne.
 
Dan leaver woarst. Och, leave geunst!
Dy wurdt ek makke nei de keunst.
        Men is de smaak wat bjuster
Troch sâlt en piper; mar wa wit
Wat oars dêr yn behaks’le sit?
        Dat leit foar ús yn ’t tsjuster.
 
Men keapet om te bakken turf;
Ek prizich! mar fan deugd wat skurf.
        ’t Hjit âlderbêste hurde,
Mar ’t het fan lichte bagler mear.
Der giet in wazem ôf, sa near,
        Men moat hast mislik wurde.
 
Men bakt yn suver oksefet,
Sa ’t hjit; mar talk is ’t wat men het,
        Of fet fan wylde bisten
En fûgels út Amearika.
Men sei wollicht: ik wol ’t net ha,
        As m’ alles mar ris wisten.
 
De wurkman, dy’t fan alles wat
By lytse bytsjes keapje moat
        Krijt sokke keunstnerijen
Foar’t jild, - en maalt dêr net folle oer.
It echte dochs is fierste djoer
        En net foar him te krijen.
 
Dat is foar lju dy ’t rommer ha.
Dy wolle net nei winkels ta,
        Dêr’t se earme lju sa snije;
Mar keapje yn ’t grut, altyd fan ’t bêst,
Yn magasinen, dêr’t se fêst
        It echte súv’re krije.
 
Dat ’s foardeel. Ja, mar doch tinkt my,
Dêr moat in goed gelove by;
        Omdat in hopen ljuwe
Sa keunstich wurde hjoed de dei
Yn alles, dat se jimmerwei
        De keunst al fierder driuwe.
 
Dy’t neat mear op fertrouwen leaut
En dêrby fyntsjes rûkt en priuwt,
        Kin lang sa’n wille n’t smeitsje
As ien dy’t leaut en stil fertrout;
Nou’t se alles wat natoer ús jout
        Troch keunst bewurkje en meitsje.
 
Der is by wat men drinkt en yt
In boel, wêrfan’t men ’t rjuchte n’t wyt.
        It iene is licht wat better
As ’t oare. – Mar wat wier en wis
Noch ûnferfalske en suver is: -
        Dat is in glês kâld wetter.
 
Wy krije dat út ’e earste hân,
’t Sij út ’e loft of út it sân,
        ’t Sij dat it reint of wellet.
Dat nei te meitsjen troch de keunst
Jout neat gjin aventoer op winst,
        Om’t elk fergees dat hellet.
 
Der binn’ gjin falske stoffen yn.
It smakket jin by toarst as wyn,
        Dan wurdt m’ er troch ferfrisse
En bliuwt der sûn en helder by.
Gjin dei, gjin healen kinne wy
        Kâld wetter ommers misse.
 
Mar och, men telt it net in sier.
It is by wyn en beyersk bier
        As skoarremoar by hearen
En sljuchtwei lju by de adeldom.
’t Is nuttich, mar it is der rom,
        En dêrom net yn eare.
 
Nee, leaver slacht m’ er spullen yn,
Jenever, bier of kleure wyn,
        Wêrfan’t men lêst het letter, -
Of treksel, dat in baarch net mei,
Of grûnich sop fan sûkerei,
        As skjin en helder wetter.
 
Ienfâldich en natoerlik wei,
Dat giet oars meastentiids der mei.
        Dochs nimme folle minsken
Mar falske keunstnerij foar kar
En snaken spekulearje mar
        Op alle dwaze winsken.
 
En fûn men yn ’e maatskippij
Gjin oare koalferkeaperij
        As yn de hannelswaren,
Al is dat mear as slim genôch, -
Wy wiene yn oare saken dochs
        Mear feilich foar gefaren.
 
Mar nim ’k de minsken troch elkoar,
Dan komt it siker my sa foar
        Dat hjir en dêr guon rinne
Dy’t aardzje nei in púksigaar:
In roltsje gjin heel bêste waar,
        Mei ’n dekblêd dêr om hinne.
 
It kin net langer, op ’e klean
En ’t uterlik te seil te gean;
        Dêr wurdt men mei bedragen.
En troch in hopen lju har praat
Wurdt immen ek te faak mislaat
        Yn ús ferljochte dagen.
 
Jan Rap, ûntsettend liberaal,
Dy siket elk mei krêft fan taal
        Nei ’t stimburo te lieden.
Jan Smout, fan minskeleafde fol,
Kreunt, dat men him net helpe wol
        Om segen te fersprieden.
 
Jan Rap is omtrint yn ’e brân.
Hy wol foar ’t grut belang fan ’t lân
        Graach alle minsken noadzje.
O kiezers! wês nou wol beret.
It lân moat sinke, as jimme net
        Jan Rap op ’t kessen kroadzje.
 
Jan Smout giet redefierjend rûn
Foar fyftich gûne yn in jûn.
        Dêrtroch sil ’t folksheil bloeie.
Mar ’t plak, dêr’t Jan oars wêze moat,
En dêr’t er traktemint foar bart,
        Dêr lit er ’t gers oer groeie!
 
Jan Domper ropt mei lûd misbaar
Oer ’t ûngelove en ’t grut gefaar,
        Dat dêrtroch ’t minskdom driget.
Mar ’t is de freze, dy’t him driuwt;
As him it folk net langer leaut,
        Dat hy de koer op kriget.
 
Men het ferienings by de fleet,
Men redenearret lang en breed
        Oer ’t echte, ’t goede en ’t wiere.
Men werft en stokelt tsjin elkoar;
Men skimpt en húnt en elk foar oar
        Wol ’t folk nei Eden fiere.
 
Mar sjucht men dat by helder ljocht,
Dan wurdt dêr ek wol koal ferkocht.
        Dy ’t alderlûdste beare
Fan folksbelang en minskemin,
Ha somtiids oars gjin byt yn ’t sin
        As selsbelang en eare.
 
Al is ’t jin aldermeast te dwaan
Om goede baantsjes, dy’t wat jaan,
        Dochs moat men ’t sa belizze,
Dat dêr it folk gjin erch yn het,
Mar kryt foar moal en talk foar fet
        Nimt, sûnder wat te sizzen.
 
Sjoch dêr in man, dy pielt en skrept
Dei út dei yn; hy wart en rept
        Him, om oan ’t brea te kommen.
Hy lit him net mei dingen yn,
Dy’t him te heech binne of te fyn;
        Hy telt him by de dommen.
 
Hy is yn alles deun en kloek.
Hy draacht deselde sneed fan broek
        En ien bestek fan baitsje
As heite al as jongfeintsje droech.
Al wat útwrydsk is en ûnfoech,
        Dêr kin hy smout om laitsje.
 
Hy jout gjin spul út yn ’e wrâld.
Hy wit, hy moat syn selsbehâld
        Troch flyt en iver sykje,
Net troch gejammer en geskreau. –
It komt my foar, dat sokke ljuw
        Wat op skjin wetter lykje.
 
Hoe nuttich ek, - hja binne der rom.
Dus male follen neat der om
        Oft sokken libje kinne.
Men brûkt se as men se brûke kin,
En makket ien ’t jin net nei ’t sin;
        Men kin nei ’n oaren rinne.
 
Skjin wetter brûkt men oeral by;
Ek by de waar-ferknoeierij.
        Sa wolle ek snoade mannen
It folk, wol earlik, from en froed,
Mar op ’e hichte lang net goed, -
        Wol brûke foar har plannen.
 
Men wol sa graach in leger ha
Dat foar jin striidt, en brûkt dêrta
        De keunst fan merkeskreauwers.
En Breetfelt, Holloway en dy
Binn’ noch mar hakkekrukken by
        Dy echte folk-opdriuwers.
 
It folk, ienfâldich en wat dom,
Al grynt en tinkt it nearne n’t om,
        Wurdt mar yn ’t harnas jage
En stokele fol hate en niid,
Troch ien, dy’t foar syn breakoer striidt
        Mei godstsjinst yn syn flagge.
 
Wer oaren, al te mâl en dol,
Dy blaze ’t folk de holle fol
        Mei falske nijichheden.
„De wrâld is uzes mei elkoar!”
Dat stelt men wurklju earstlings foar
        En makket se ûntefreden.
 
Men wit hoe ’t somtiids barre kin,
Dat yn ferskate dagen gjin
        Goed wetter is te krijen.
Hoe’n bytsje men dat oars faak telt,
Dan is ’t al skielk min gesteld
        En klearebare lijen.
 
Nimt ûnder ’t folk de goede trou
En de ienfâld yn har libben ou;
        Stelle ek dy lju in eare
Yn oars te lykjen as men is, -
Dan rint it mei foarútgong mis.
        Dy ’t goed mient moat dat keare.
 
Dy ’t grif om folksheil is te dwaan,
Moat echte waar, gjin keunstguod jaan,
        En net oerdiedich fuorje.
Want komt de sucht nei grutte steat
Ek dêr yn swang, dat kin oars neat
        As ûngelok beruorje.
 
Nee, lied se mei in sêfte team.
It iten fan de kennisbeam
        Kin noch wol goede minsken
Ferwiderje út it Paradys
Fan ûnskuld, - as se fierste wiis
        Wurde yn ferkearde winsken.
 
Wol immen ’t graach wat better ha,
Mar leit him hurd op grutheid ta,
        Dan bliuwt it ommers lijen.
En dat leit yn ’e maatskippij
De grûn foar folle knoeierij
        En falske keunstnerijen.
 
En dêrom wie ’t wol goed, dat hja
Dy ’t minskdom t’ ûnderrjochtsjen ha,
        Har haaddoel hjir fan makken:
Om needrichheid yn alle dwaan, -
Mei wurden en mei foarbyld-jaan,
        Te preekjen fan de dakken.

 

Noaten

  1. Yn: Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877) s. 28-39.
  2. H. van Gorp e.o, red., Lexicon van literaire termen (7e herz. dr.; Groningen 1998) s. 383.
  3. Dykstra, For de praetstoel, s. 39. In pear jier earder wie fan him Fryske sang. Nij lieteboek mei fjirtich sangen (F.A. Bosman, Frjentsjer 1874) ferskynd dat in jier letter al werprinte waard; it liet ‘Ald en nij’ (s. 8) brocht yn koart bestek itselde boadskip: ‘Doe’t pake jit feint wie en beppe wie faem / Doe wie ’t allegearre net heal sa foarnaam. / Foarútgong is nou / It roppen al gau, / Mar ’t falt yn in hiele boel dingen hwat ou.’
  4. Rawi Abdelal e.o., ‘Identity as a variable’, Perspectives on politics 4-4 (December, 2006); Veronika Koller, ‘How to analyse collective identity in discourse – textual and contextual parameters’, Critical approaches to discourse analysis across disciplines 5-2 (2012).
  5. Dykstra, For de praetstoel, s. 28.
  6. Ibid., s. 38.
  7. Ibidem.
  8. Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (Laverman, Drachten 1957; or. 1938) s. 140: ‘(..) al lizze yn dizze jierren syn mooglikheden mear kanten út as letter wol; sjoch syn fersewurk út de bigjintiid mar.’
  9. Ferl. oer midden-19e-ieuske literatuer yn Nederlân Marita Mathijsen, Het literaire leven in de negentiende eeuw (Martinus Nijhoff, Leiden 1987) s. 22-23: ‘Kerk en overheid steunden elkaar in de verspreiding van boeken met een goede inhoud. Dat waren boeken waarin deugdzaamheid, vaderlandsliefde en godsdienstzin aangekweekt werden. Standsverschil werd erin voorgesteld als door God gewild. Een kleine stijging op de sociale ladder was mogelijk als iemand vlijtig, spaarzaam, godsvruchtig, nederig en deugdzaam was. Degenen die al hoog op de ladder stonden werd voorgehouden hoe ze konden tuimelen door een slecht leven.’
  10. Waling Dykstra, For de praetstoel en de hirdshoeke (Waling Dykstra, Holwerd 1877) s. 35.
  11. Ek in byld foar de wize minske. Karl Josef Hieronymus Windischmann [1775-1839], Die Philosophie im Fortgang der Weltgeschichte. Erster Zheil: Die Grundlagen der Philosophie im Morgenland. Erste Abteilung (Adolph Markus, Bonn 1827) s. 453, oer in Aldsineesk gedicht út it Boek fan de Lieten: ‘Die Tugend des Vollendeten ist geschmaklos (wie reines Wasser), nicht widrig; schlicht und anmuthsvoll, einfach und ordentlich.’
  12. J.G. Herder, ‘Gespräch nach dem Tode des Kaiser Joseph’s II’, yn: Briefe zur Beforderung der Humanität. Erste Sammlung. Herder’ Werke, Dl. 13 (Gustav Hempel, 1793-1796).
  13. Dykstra, For de praetstoel, s. 35-36.
  14. Liisa Steinby, ‘The rehabilitation of myth: Enlightenment and Romanticism in Johann Gottfried Herder’s “Vom Geist der Ebräischen Poesie”’, yn: Sjuttonhundratal. Nordic Yearbook for Eighteenth-Century Studies, Vol. 6 (2009) s. 54: ‘(..) recent research also emphasises that it is an oversimplification to consider the proto-Romantic Herder as an opponent of the Enlightenment. On the contrary, with his trust in the human cognitive and practical capacities needed for adapting to the natural living conditions of a people and for creating a culture, with his search for ‘natural laws’ governing the history of mankind – however difficult these laws might be to discern – and with his idea of a Humanity in which all men participate and which simultaneously is an ideal to be attained through the joint effort of mankind in history, Herder is a representative of his enlightened century.’
  15. Annika Hand, Christian Bermes en Ulrich Dierse, red., Schlússelbegriffe der Philosophie des 19. Jahrhunderts (Felix Meiner Verlag, Hamburg 2015) s. 401.
  16. Ibid., s. 399.
  17. Bruorren Halbertsma, De lapekoer fen Gabe scroar (3e pr.; Jan de Lange, Dimter 1834) s. 7-8.
  18. Philippus Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme (Wijdemeer, Leeuwarden 2014) s. 156.
  19. Reinhard Wittmann, ‘Der lesende Landmann. Zur Rezeption aufklärischer Bemühungen durch die bauerliche Bevölkerung im 18. Jahrhundert’, yn: Dan Berindei e.o., red., Der Bauer Mittel- und Osteuropas im sozio-ökonmischen Wandel des 18. und 19. Jahrhunderts. Beiträge zu seiner Lage und deren Widerspiegelung in der zeitgenössischen Publizistik und Literatur (Bohlau Verlag, Köln/Wien 1973) s. 158-159.
  20. Dykstra, For de praetstoel, s. 36-37.
  21. Ibid., s. 156-157.
  22. Ibid., s. 38.
  23. Waling Dykstra, Haitskemoai’s klachten oer de nye moden. În rîm brocht en mei în libbensskiednis fen Haitskemoai (Frjentsjer, Telenga 1859).
  24. Dykstra, Haitskemoai’s klachten, s. 11.
  25. Ibid., s. 11-12.
  26. Sjoch ûnder mear L.H. Mulder, Revolte der Fijnen. De Afscheiding van 1834 als sociaal conflict en sociale beweging (Boom, Meppel 1973) en W.J. Wieringa, ‘De Afscheiding en de Nederlandse samenleving’, yn: W.E.A. Bakker, red., De Afscheiding van 1834 en haar geschiedenis (Kok, Kampen 1984). In historiografysk oersjoch fan ûndersyk nei de Ofskieding jout G.J. Schutte, ‘De Afscheiding van 1834 herdacht’, BMGN 101-3 (1986) s. 400-416.
  27. Op it leauwe fan Waling Dykstra gean ik yn in folgjend essee fierder yn.
  28. Wumkes, ‘Waling Dykstra’, jout wol in hint: hy neamt Dykstra in ‘vermaner’ en bedoelt dat ‘in oud mennisten zin’ (s. 93). Fierderop konstatearret Wumkes dat Dykstra wol in ‘man fan it nije ljocht’ wie, mar dochs ‘heeft hij, als ik het goed zie, ook een tikje van het oude gehad’ (s. 95). By Piebenga: ‘It âld-orthodokse leauwe, dat er ûnder ynfloed fan in freon en it Spannumer formidden in skoft oanhongen hat, siet grif ek net folle djipper as de bûtekant’ (s. 140).
  29. Datearre 28e fen Haimoanne 1851; sit. by G.A. Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (Bolsward 1926) s. 372-373.
  30. Ibidem.
  31. Ibidem.
  32. Mirjam Buitenwerf-van der Molen, God van vooruitgang. De popularisering van het modern-theologische gedachtegoed in Nederland (1857-1880) (Verloren, Hilversum 2007).
  33. Piebenga, Koarte skiednis, s. 140: ‘It âld-orthodokse leauwe, dat er ûnder ynfloed fan in freon en it Spannumer formidden in skoft oanhongen hat, siet grif ek net folle djipper as de bûtekant.’
  34. J.W. Dykstra, Waling Dykstra. Syn libben en syn wurk. Biskreaun fan syn soan J.W. Dykstra (A.J. Osinga, Boalsert 1949) s. 14: ‘Myn suster Jeltsje wie mei ús Mem by Jaentsjemuoi útfanhûs yn ’e greidhoeke. Wy sjogge, seit se, nei ‘t skoarstienstik dat Heit útskildere hat. Wy prate oer Heit, en Jaentsjemuoi seit: ,,Ja, Waling most domné worren hè.” Heit is by harren yn ’e bakkerij opbrocht, hja wie Heit syn muoike.’
  35. Ibid., s. 51.
  36. Ibid., s. 18.
  37. Ibid., s. 55.
  38. Goffe Jensma, ‘Uit een dodenboom te Lutjelollum. Enkele opmerkingen over het culturele verschil tussen Groningen en Friesland en over de manier waarop dat in de negentiende eeuw werd geconstrueerd’, yn: M.G.J. Duijvendak, red., Regionaal besef in het Noorden (Van Gorcum, Assen 2003) s. 13: ‘Zucht tot vrijheid; behoedzaam, wantrouwend, schuw; geen liefhebber van vreemdelingen, wel gastvrij; afkeer van pochen; eerder geneigd tot doen dan tot spreken; niet vrolijk, maar neigend tot zwaarmoedige ernst; door zwaarmoedigheid stroef, stug en soms besluiteloos; onrustig; arbeidzaam; eerzuchtig; door eerzucht kittelorig; egoïst die naar onafhankelijkheid zoekt; volhardend; stijfhoofdig; slecht en recht; soms lichtgelovig; indien bedrogen, onverzoenbaar; afkerig van na-aperij; daardoor meer originele karakters dan elders; afkeer van militarisme en soldaten.’

Ut dit essee sitearje kin sa: De Vries, Abe. “It folk, skjin as wetter: Konstruksje fan kritysk Frysk folkseigen by Waling Dykstra” Fers2. Abe de Vries & Friduwih Riemersma, 26 maart 2017. Web. Dei moanne jier dat it essee krigen is.