sels in tibetaan belânet op it lêst yn see

It glossarium fan De Groot

Yn Sels in Tibetaan belânet op it lest yn see

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 3.8, 23 april 2017

Dichters brûke faak fokabulêr, terminology en oare tekstkarakteristiken dy’t sjen litte dat de beropsútoefening profesjoneel is. Is de taal net-aldendeisk, ‘dichterlik’ en manipulearre, grutte kâns dat jo mei in dichter te meitsjen hawwe. Smyt it freestyle wurdgebrûk in útdaagjende oant heech-risikobarjêre op, dan is it wierskynlik net in amateur mar in pro. Lit in nijbakken bondel jo betize efter yn ûnbegryp, sels al seit de Taalatlas dat jo yn in meartalige regio wenje? Dan ha jo sa goed as wis Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see fan Edwin de Groot yn hannen.

Sels

de wurden wit ik noch sels betocht

Eksimplaryske dichterlike oerdriuwing. Hast alle wurden bestiene bestiene al foar’t de bondel der wie, útsein ‘wolkestrjitten’, ‘trochwjukkele’ en noch in pear neologismen dêr’t jo de oranjekoeke net foar oansnije. Wat de selsdefinysje oanbelanget (dy fan de bondel), selsfoldienens is de beskiedende karakteristyk. Dizze bondel wol gjin konvinsjonelenien wêze. Hy wol oanslute by de frisse neoliberale massamediatisearring fan ’e keunst likegoed as it Fryske antyyntellekutalisme dat sels it postmoderne trochbrekken fan de keunst- en kitschskieding fier fan him smyt om’t soks út Hollân oerwaaien komt. Moaisizzerij, ‘wittiness’, brike ynfallen en popkulturele ferwizingen fan ultra-eigen hiem, ôfmakke mei neat-oan-dwaan- & moai-stean-littefrases dy’t har mar opheapen yn ’e hoeken fan ’e hurde skiif.

in

in petgat in trekgat in swart gat

Mantra (fgl. ynstekke oerhelje ôfgean litte). Unbeskaat lidwurd. Wa seit dat poëtyske ferbylding konkreet, autentyk en detaillearre wêze moat om sizzenskrêft te hawwen? Trouwens, wa hat sein dat dizze bondel wat sizze wol?

Tibetaan

by it stoart is in Lytse Sjouwerman fallen

ien wjuk noch heakke oan in tried heech

boppe somberjende poldergrûn

Riedselpoëzij. Aardich foar de bern. (Mei eigensinnige kwasy-assonânsje: ‘somberjende poldertún’, as oanfolling op ferpletterjende alliteraasjes lykas ‘sa skerp as sjelatine silverprintinge’.)

Should cryptic verse or obscure meanings be explained briefly to would-be publishers? Or would it be insulting to do that? I’m thinking few would take time to really contemplate such things. Is that true or false?

Thanks in advancejchambers, ‘Cryptic poetry or other writing’, Writer’s Digest, 14 augustus 2006 <www.writersdigest.com>

Since Hughes’s poems contained neither Eliot’s footnotes nor Ezra Pound’s cryptic orientalism, many critics and editors assumed the poet unintelligent and his work raw or, at best, slight.Rita Dove, ‘The laureate of Black America’, New York Times Book Review, 9 oktober 1988, I, 48-49 [Essee oer Langston Hughes].

Wêr komt de Tibetaan wei? Dy komt út de loft fallen. Tibet, yn’e folksmûle it dak fan ’e wrâld, is it heechste lân op ierde, sadat dêrwei, yn teory, de fal nei seenivo it meast dramatysk is, makket net út dat Tibet gjin see hat. En gjin lân! ‘Tibet’ is ien fan de meast popularisearre bestriden territoariumkwestjes. As sadanich ferwiist it fia autonomy en erkenning fan in folk nei de (literêre) status fan de Friezen. Fryslân: gjin eigen lân, amper see, wol in hiele protte loft—fiele jo de hint?—en wachtsjend op ’e deastek. Krityske stimmen sizze no: “Dat is net botte orizjineel.” Mar dizze unike bondel, as dy in stim heart smoart er him mei geweld en dichtet troch.

belânet

in Brit yn Amearika fielde syn lân te fier fuort

sammele alle fûgels út Shakespeare’s boeken

en brocht se ûnder yn hokken en koaien

- To beland (yn ûnbrûk rekke Ingelsk): immen fan syn lân berôvje, konfiskearje. It fragmint komt út in gedicht ‘Foar Geart’, in boartlike fariant op de opdracht dy’t sûnt Homearus boppe dichtwurk ensfh. komt, ‘Foar mem’, en dat meastal net út bewûndering mar ‘om’t ik hjir oars net wêze soe’—dat sil Geart wol begripe. Neist de frekwinte opdrachten plus in pear apostrofen—it oanroppen fan dichters dy’t ôfwêzich binne, meastal om reden fan dea—binne der withoefolle uteringen fan it kurieuze ferskynskel fan úttreksels út in oar syn wurk boppe it eigen wurk, epigrafen neamd. Lykwols binne yn dizze bondel de sitearre grutte sielen gjin linguistyske rolmodellen, wolnee: as jo simpelwei in oar foar jo sprekke litte kinne, wêrom soene jo it sels dwaan?

op

myn hert is fan ierdewurk

en leit op de hege grûnen fierderop

Satire. Hop hop: nostalgy nei it lang ferlerne lân fan bernlike betsjuttingsleazens. Wol foaral gjin idee oerdrage troch de logika fan de ferbylding. Nimt in letterlik ferslach fan in redenearring, set dat tusken fûgellykjes en oar anekdoatysk materiaal, sûnder al tefolle kontekst. Nivellearret alle yngrediïnten ta itselde dramatysk nivo. Net te dreech, lekker leech.

it

it lûd my werombrocht nei pakes pyptabak

Heerenbaai – tichterby in hear kaam er net –

en de swiere rook fan al te trochseane blomkoal

Unwennigenspoëzij. Populêr sjenre sûnt de Odyssee (it wie nammers de slûchslimme O. syn eigen skuld dat er net werom­komme koe). Mar dizze bondel ropt gjin muze oan om te sjongen oer de man fan draaien en kearen en dan tolvetûzen rigels oer datselde. De arbo wol dat net lije; yn dizze bondel giet elke rigel oer hiel wat oars. Der is yn stikken brutsen epyk, gruzels fan in godlik gehiel, sûnder de moderne spyt en langstme nei hielheid, sûnder de postmoderne akseptaasje dat taal dochs nea kompleet is—mar mei deselde opsetsin as museums dy’t har argeologyske potten stiltsjes knoffelje litte om elke diggel apart te ferpatsen foar de wearde fan de hiele pot, in fraksje fan ’e fan de som fan syn dielen.

lêst

as in reisferslach dat samar ophâ...

Lêstekens. Sjoch Haadletters. Trije punten yn ien kear. De Lex Frisionum, dy’t net kompleet opskreaun is mar yn of foar 793 samar ynienen ophâldt, middenyn ’e sin om sa te sizzen, einiget net op trije puntsjes. De rjochter dy’t de wetskoades delskreau is doe’t er hearde dat syn opdrachtjouwer slein wie op it slachfjild net hurd nei syn inkepot rûn om trije puntsjes te setten. Céline slút syn Mort à credit, hoewol’t it boek bakt is fan ellipses, net ôf mei trije puntsjes.Mar mei « Non mon oncle. » Dizze bondel makket dat yn ien klap goed. Namstemear om’t ek de efterflap de lêzer in punt jout dy’t Wisława Szymborska (de kommaneukster) net jaan wol:

Jesteś - a więc musisz minąć, [sic!]

Miniesz - a więc to jest piękne.Wisława Szymborska, ‘Nic dwa razy’, Nothing twice: Selected Poems / Nic dwa razy: Wybór wierszy, oers. Stanisław Barańczak en Clare Cavanagh (Kraków: Wydawnictwo Literackie, 1997); Michal Kijanowski, ‘Nic dwa razy się nie zdarza - Wisława Szymborska’, Youtube, 2 febrewaris 2012 <https://www.youtube.com/watch?v=d4O0Y0czkIQ> [krigen 7 april 2017], de fersen stean op 1.06.

Szymborska sjocht harsels as in passant, har oersetters nimme ek har foar in passant,Bożena Lechowska en Edga Mireya Uribe-Salamanca, ‘‘Nic dwa razy’, ‘Nada dos veces’, ‘Nothing Twice’: análisis de la traducción de la poesía de Wisława Szymborska’, Rastros Rostros 18:32 (2016) 43-49, 48. <http://dx.doi.org/10.16925/ra.v18i32.1425>. as immen dus dy’t fierder rint. Hielendal mis! Trochtaastend hannelet dizze bondel dermei ôf: it moat út wêze, “je moet voorbijgaan.” Punt.

yn

yn in eachwink fanachter in wolkwale wei

Prosody. Ritme, melody en harmony, klam en gjin klam. Hat te meitsjen mei de âlde dissipline fan fers, oftewol de konservative learskoalle fan it dichtsjen út de tiid dat de ûntwikkele persoan syn holle fol gedichten hie en dy foardroech op kommando. Hee, 2017! kinne wy net gewoan wat op ’e laptop tikke?

see

doe’t in deade Winston Churchill oer de Teems úfoer

bûgden de mânske havenkranen as ien man

Identiteitskarakteristiken. Genderrollen basearre op funksjonalisme, ferdieling fan rollen út evolúsje wei, ferbûn mei wurden en yngroeven yn (pop)kulturele symbolyk, oftewol seksisme. Hyskraan, benammen dy yn ’e haven: ferwiist nei patriottyske grutskens op it maritime ferline en de gloarje, in folslein manlike prestaasje, komt der in wyfke by dan giet it dalik mis (Starum). Mânske - man - - kraan - bûgt: fysiologysk symboal foar fan it manlik ûnderliif (mige wol net mei ereksje). Deade persoan - fart aktyf troch: biologyske symbolyk, de kalme kapitein hellet syn flegmatyk benammen út it feit dat er net mear libbet (ferlykje Whitman, O Captain!), symboal dus foar de dichter, jo kinne him wol deadzje mar dat jout jo neat.

Edwin de Groot, Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see, Ljouwert, Afûk, 2016.

Noaten

  1. jchambers, ‘Cryptic poetry or other writing’, Writer’s Digest, 14 augustus 2006 <www.writersdigest.com>
  2. Rita Dove, ‘The laureate of Black America’, New York Times Book Review, 9 oktober 1988, I, 48-49 [Essee oer Langston Hughes].
  3. Mar mei « Non mon oncle. »
  4. Wisława Szymborska, ‘Nic dwa razy’, Nothing twice: Selected Poems / Nic dwa razy: Wybór wierszy, oers. Stanisław Barańczak en Clare Cavanagh (Kraków: Wydawnictwo Literackie, 1997); Michal Kijanowski, ‘Nic dwa razy się nie zdarza - Wisława Szymborska’, Youtube, 2 febrewaris 2012 <https://www.youtube.com/watch?v=d4O0Y0czkIQ> [krigen 7 april 2017], de fersen stean op 1.06.
  5. Bożena Lechowska en Edga Mireya Uribe-Salamanca, ‘‘Nic dwa razy’, ‘Nada dos veces’, ‘Nothing Twice’: análisis de la traducción de la poesía de Wisława Szymborska’, Rastros Rostros 18:32 (2016) 43-49, 48. <http://dx.doi.org/10.16925/ra.v18i32.1425>.

Mear fan Friduwih Riemersma

De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuer­ynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15