sloop noarden fryslan image

Ljouwert sloopt it noarden fan Fryslan

Plattelanskrimp en neoliberale sintrumpolityk

Abe de Vries - Fers2 4.11, 3 juny 2018

Deputearre Kielstra (VVD) wol slope, grutte berjochten yn ’e krante.Hilbrand Bijleveld, ‘Sociale gevolgen woonakkoord worden ingrijpend’, Leeuwarder Courant (30 maaie 2018). Mar huzen slope yn it krimpende noarden fan Fryslân woene de Nederlandse Vereniging van Makelaars en de Rabobank, de twa trouste pylders fan it eigenhûsbesit, yn 2010 ek al.

Polityk slope, dat is it ôfstjoeren fan bulldozers op stedswiken, lytsere plakken en saneamde bûtengebieten, en nijbou konsintrearje yn saneamde sintra of ‘bundelingsgebieden’. In faak oanhelle reden is it tefoarren kommen fan ‘ferpaupering’. Yn ’e praktyk wurde de legere ynkommensgroepen op it plattelân fuortjeid nei in hierhûs of hierappartemint yn in grutter wenplak. Har huzen wurde fernield en opromme, om der wis fan te wêzen dat se net weromkomme, of der wurde aardich minder foar weromboud. Sa’n grutskalige sosjale suvering is goed foar de huzepriis, in opstekker foar de huzebesitter en makket de wei frij foar de rike grize weach dy’t de kommende jierren nei de ‘rêst’ fan it plattelân ferhúzje sil.

Om 1970 hinne brocht de gemeente Het Bildt sok polityk slopen al yn ’e praktyk. Dat wie op de doe ferpauperjende Alde- en Nijebiltdyk boppe Sint Jabik, Sint Anne en Froubuorren. ‘De ver­krotting van de karakteristieke lintbebouwing werd ten voordele van de Bildtdorpen eerder aangemoedigd dan geremd.’Anko de Jong, ‘Facelift voor het Bildt’, Leeuwarder Courant (23 jannewaris 1988). Under­skate ‘strékys’, groepkes huzen yn lintbebouwing, sneuvelen. De grutte doarpen soene wol profitearje. Mar it ôfbrekken fan de karakteristike dykshúskes wie allesbehalve it fêste gefolch fan in ûnûntkomber natuerferskynsel. Lokaal boargerferset fan aktive lju mei hert foar har krite, en ek it Fryske streekplanproses 1974-1982, makken der in ein oan. Sûnt dy tiid wurde yn werstelprogramma’s fan de gemeente, mei stipe fan de provinsje, leechsteande en ferkrotte húskes net mear ôfbrutsen mar opknapt. Hiel hurd giet dat oars net. Fan de 509 huzen oan beide diken wiene der ein 2015 noch altyd 147 ‘in slechte of zeer slechte staat’.‘Stichting aan de slag met huizen Bildtdijken’, Leeuwarder Courant (28 oktober 2015).

Anno 2018 is oeral oan ’e rânen fan Nederlân it krimpalaarm al lang en breed ôfgien. De sosjaal-geografyske râneproblematyk is maklik te konstatearjen: jongerein lûkt fuort, komt net werom, âlderein bliuwt oer. Foarsjenningen, skoallen en wenningbou ferdwine. Wat der oan dien wurde moat, leit neffens provinsje­bestjoerders en wenningboukorporaasjes foar de hân: de tearing nei de nearing sette, lês: huzen slope. Seelân is ien fan de provinsjes dy’t al langer te krijen hat mei sloop as ynstrumint fan befolkings­polityk. ‘ “Wanneer er veel woningen leegstaan, verloedert het gebied”, zegt wethouder Cees Liefting van Terneuzen. Daarom sloopte Terneuzen 250 woningen en plantte er rozen voor in de plaats.’‘Krimp in Zeeland: wat is er aan te doen?’, Nieuwsuur (22 augustus 2015) <https://nos.nl/nieuwsuur/artikel/2053352-krimp-in-zeeland-wat-is-er-aan-te-doen.html> [Krigen 31 maaie 2018].

Nei sloop wurdt der yn ’e regel in lytser oantal wenten werom­boud, enerzjysunich of gasfrij makke en spesjaal foar senioaren bedoeld.‘Ruim 200 huizen gesloopt met steun van de provincie’, site Omroep Zeeland (21 jannewaris 2017). Wenningboukorporaasjes wurde troch de provinsje Seelân stimulearre, fia in Provinciale Impuls Wonen, om op dat mêd inisjativen te nimmen. ‘De provincie zegt dat met de subsidie is gezorgd voor meer dan 21,5 miljoen aan investeringen bij bouw- en sloopbedrijven.’‘Ruim 200 huizen gesloopt met steun van de provincie’, site Omroep Zeeland (21 jannewaris 2017). De maatregels wurde polityk ferkocht as needsaaklik antwurd op de negative befolkingsûntjouwing: ‘Onderzoeker Dick van der Wouw van het Planbureau Zeeland berekende dat de krimp van de bevolking tot 2040 zal doorgaan. Nu telt Zeeland 380.000 inwoners, dan 20.000 minder. ,,Dat zijn fiks wat dorpen”.’‘Krimp in Zeeland: de ouderen blijven over’, Nieuwsuur (14 augustus 2015) <https://nos.nl/nieuwsuur/video/2052051-krimp-in-zeeland-de-ouderen-blijven-over.html> [Krigen 31 maaie 2018].

De Fryske sloopplannen, fan Kielstra anno 2018, sille allyksa rjochte wêze op ‘aanpassing’ fan de wentefoarried. Mar ek it feilich stellen fan eigenhûsbesit en it fierder kolonisearjen fan plattelân, bûtengebieten en ‘wite flekken’ troch in sintrum, yn dit gefal it Haadplak, Ljouwert, spylje mei. De plannen sille, lykas yn Seelân, folle fierder gean as it ôfbrekken fan hjir en dêr in inkeld leech­steand húske; neffens de earste berjochten sille der tsientûzenen huzen ferdwine.

Sokke plannen – en dat is krúsjaal foar in goed begryp fan de krimp en syn ‘bestriding’ yn Noard-Fryslân - binne net it wetmjittich gefolch fan faktoaren dêr’t ‘wy’ neat oan dwaan kinne. Se foarmje it slútstik fan in konsekwinte Fryske neoliberale antydoarpspolityk, dy’t al dúdlik waard út Alternatyf 1 by it Ontwerp Streekplan 1978. Alternatyf 1 is yn Fryslân de basis, it earste begjin, fan in sosjale en ekonomyske polityk dy’t struktureel net nei minsken harket dy’t yn relatyf tinbefolke, rurale gebieten wenje. Fan in neoliberale polityk dy’t mei minsken skoot, de wurkleazens net tsjingiet dêr’t er ûntstiet, de soarch net better en tagonkliker makket dêr’t it noadich is, it iepenbier ferfier net útwreidet dêr’t der ferlet fan is, de skoalle net iepenhâldt dêr’t men it graach wol, de dokter net bine kin, dêr wêr’t er wol goed wurk dwaan kinne soe, it toerisme net duorsum befoarderet dêr’t wol kânsen lizze, it lânskip en de bisten net beskermet dêr’t it rintmasterskip soks wol foarskriuwt.

In polityk dus dy’t sloopt yn tsjinst fan de besitter.

Krimp is polityk

Fersin jo net, krimp is polityk. Men kin der ek tsjín kieze. Want net inkeld langetermynûntjouwingen op it mêd fan ekonomy en demografy ‘ferklearje’ krimp. Men moat ek sjen nei ‘relatively recent economic, cultural, demopgraphich and political shifts’. Net inkeld wrâldwide feroaringen spylje mei, mar ek ‘national, regional and local level structures and processes’.Marco Bontje en Sako Musterd, ‘Understanding shrinkage in European regions’, Built Environment 38-2 (juny, 2012) 153-161, 160. <http://dx.doi.org/10.2148/benv.38.2.153>.

Ljouwert, bygelyks, sûcht it noarden fan Fryslân al leech sûnt de stêd yn 1997 alaarm sloech oer syn doe justjes wat achter­bliuwende befolkingsgroei. ‘De geringe groei van de Leeuwarder bevolking, er kwamen slechts 9 inwoners bij, staat in schril contrast met de honderden nieuwe inwoners die Leeuwarden in de afgelopen jaren telkenjare mocht begroeten. Mogelijke oorzaken daarvan zijn een stagnerende woningbouw en vertrek naar een nieuwbouwwoning elders.’‘Gestage groei Friese bevolking’, Leeuwarder Courant (31 desimber 1997). Dêrneist wie in jier earder dúdlik wurden dat Ljouwert ynwenners út de hegere ynkommens­groepen ferlear oan de omlizzende gemeentes; dy negative trend woe it ombûge.Willem Bosma, ‘Rijken verruilen stad voor het platteland’, Leeuwarder Courant (14 desimber 1996). Basearre op sifers fan it CBS. Sjoch ek: ‘Stadsgewest verliest veel rijke inwoners’, Leeuwarder Courant (14 maaie 1999).

De Keamer fan Keaphannel joech de ekonomyske stratezjy fan Ljouwert wer: ‘De Friese hoofdstad moet haast maken met de ontwikkelingen ten zuiden van de stad, zodat zij via de snelweg A32 kan aanhaken bij de A7-industriezone rond Drachten, Heerenveen en Joure’.‘Leeuwarden moet snel aansluiten op A7-zone’, Leeuwarder Courant (25 novimber 1999). Deputearre Heldoorn (PvdA) beklamme yn dat ramt it belang fan it tsjingean ‘ongewenste suburbanisatie rond de hoofdstad’.‘Leeuwarden moet snel aansluiten op A7-zone’, Leeuwarder Courant (25 novimber 1999). In grutte nijbou-ynspanning moast inkeld de stêd momentum jaan, net it omlizzende plattelân. Ekonomy-redakteur Irene Overduin fan de Leeuwarder Courant joech entûsjast stipe: ‘Het gejeremieer aan de Grouster Stationweg is potsierlijk’.Irene Overduin, ‘Lachen vergaat Leeuwarder buren’, Leeuwarder Courant (1 desimber 1998).

It wie ek allegear wol nei te kommen. Ekonomyske konkurrinten as Drachten en it Hearrenfean groeiden folle hurder. Dat wie gesichtsferlies. Nei twa jier fan tarieding, oerlis en pressy sleat Ljouwert yn 1999 mei syn omlizzende gemeentes dan ek in ‘akkoart’ oer de ferdieling fan wenningbou, it ‘Ontwikkelings Kader Leeuwarden’ (OKL). De haadstêd hie wilens de provinsje as bûnsmaat oan syn kant krigen. De plattelânsgemeentes ‘zijn met grote tegenzin akkoord gegaan met het OKL’; se ferplichten har ‘onder druk van de provincie’ (lês: deputearre Heldoorn) ‘om zeer beperkt te bouwen’.‘Leeuwarden bouwt veel te weinig huizen’, Leeuwarder Courant (23 oktober 2001). Mar Ljouwert waard rom yn ’e klean stutsen. De stêd hie foar himsels regele dat er oant 2003 mear as twatûzen nije huzen bouwe mocht, en yn 2003 en 2004 nochris 1275 huzen.

Tanksij OKL en it Streekplan 2007 fan deputearre Andriesen (PvdA) stampte ‘stedsregio Ljouwert’ yn it desennium nei 1999 de wiken Bullepolder, de Súdlannen, Techum en Goutum-Súd út ’e grûn. It stedsboubelied hat troch syn ôftwongen sintrumrjochten sadwaande al hast tritich jier in sterk oansûgjende wurking op syn noardlike plattelân. ‘Krimp’ waard krekt in algemien gongber begryp yn de parse yn 2007. Ut ûndersyk hat bliken dien dat fan de minsken dy’t út Noardeast-Fryslân wei ferhúzje, sa’n 30 persint nei Grinslân fertrekt, 25 persint nei Ljouwert giet en 12 persint nei Drachten.Erik Betten, ‘Krimpfriezen verhuizen vaak binnen provincie’, Friesch Dagblad (10 july 2015). It docht gjin nij; yn it Streekplan 2007 hiene Provinsjale Steaten ommers seis ‘stedelijke bundelingsgebieden’ oanwiisd (Ljouwert, Dokkum, Drachten, It Fean-De Jouwer, Snits en Harns-Frjentsjer) dêr’t trijekwart fan de huzebou-aktiviteiten yn de perioade 2005-2015 konsintrearre wurde moast. ‘Belangrijk aandachtspunt is het realiseren van attractieve groenstedelijke woonmilieus, als bijdrage aan de totale stedelijke woningbehoefte van Leeuwarden en als stimulans voor het aantrekken van nieuwe bewoners van Leeuwarden.’Provinsjale Steaten fan Fryslân, ‘Streekplan Fryslân 2007: Om de kwaliteit fan de romte’, Ljouwert, 13 december 2006, 137 <https://provinciale-begroting.frl/2018/wp-content/uploads/sites/4/2017/09/Streekplan_fryslan_2007-2016.pdf> [krigen 1 juny 2018].

Fan de provinsje krige it ‘stedelijk bundelingsgebied Leeuwarden’ grien ljocht om oantemei 2015 minimaal 4700 nije huzen te bouwen, wêrfan’t minimaal 85 persint yn of by de stêd komme soe. Stiens moast him mar wat bedimje, falt tusken de rigels troch te lêzen; de nije wyk Aldlân II koe der allinnich komme yn ôfstimming mei Ljouwert.Provinsjale Steaten fan Fryslân, ‘Streekplan Fryslân 2007: Om de kwaliteit fan de romte’, Ljouwert, 13 december 2006, 140 <https://provinciale-begroting.frl/2018/wp-content/uploads/sites/4/2017/09/Streekplan_fryslan_2007-2016.pdf> [krigen 1 juny 2018]. ‘Stiens heeft in het stedelijke bundelingsgebied Leeuwarden een specifieke aanvullende woonfunctie voor Leeuwarden. Wij staan positief tegenover het maken van nadere afspraken met de betrokken gemeenten over de ontwikkeling van Aldlân II bij Stiens, wanneer betaalbare woningbouw voor specifieke doelgroepen hier een belangr Stiens ijk onderdeel van uitmaakt en wanneer er een goede afstemming met de woningbouw in Leeuwarden plaatsvindt.’

Belied dat posityf yngripe kinne soe yn de sosjale en ekonomyske werklikheid ek op it plattelân, bygelyksin aktyf ûntwikkelingsbelied en stimulearring fan de wurkgelegenheid lâns de Waadkust, kaam en komtnoch altyd net oan ’e oarder. ‘Door de toegenomen mobiliteit neemt de noodzaak van voorzieningen in de directe nabijheid af’, skreau de NVM yn 2010.‘Krimpdorpen moeten zich specialiseren’, Leeuwarder Courant (11 maart 2010). Dat wurdt inkeld as in feit sjoen, net as in politike formulearring mei it boadskip: oer it stimulearjen fan foarsjenningen wolle wy it net hawwe. Sprekkend is ek in fraachpetear ferline jier mei wethâlder Bos (CDA) fan Dantumadiel, ‘bestuurlijk trekker van de noordelijke woning­aanpak’: ‘Er zullen in een aantal dorpen geen huizen bij komen, maar moeten verdwijnen. Daar moeten we metelkaar over in gesprek.’Theo Klein, ‘Krimpaanpak vraagt om politieke moed’, Friesch Dagblad (19 july 2017). It is de wethâlder dúdlik dat jongerein dy’t it Noardeasten ferlit gauris kiest foar Ljouwert of de gemeentes by de A7. De oarsaak is dúdlik, ‘daar zijn volgens hem voldoende voorzieningen’, mar fan de mooglikheid fan it ta stân bringen fan foarsjenningen yn it noarden is gjin praat.

De iennichste trúk fan in neoliberaal wenningboubelied yn krisis is de ferdwyntrúk.

Sa is it plattelân achter in Ljouwerter skoattel set. Net hielendal, net oeral, mar groeie docht de befolking dêr net mear. Boud wurdt dêr inkeld noch by de graasje Gods en eins leaver net. Wjerstân tsjin ‘wite skimmel’ en soarch foar de moaiens fan ús Fryske plattelân hawwe dêrby foar in part tsjinne as rjocht­feardiging en reekgerdyn. De befolkingssifers sprekke boekdielen oer de risseltaten. De gemeente Ljouwert groeide fan 88.887 ynwenners yn 2000 nei 95.949 yn 2013 (it lêste jier foar de gemeentlike weryndieling), in stiging fan 7.062 minsken oftewol 8 persint. De Fryske befolking as gehiel groeide yn dy perioade lykwols mar mei 1,7 persint.‘De ontwikkeling van de bevolking. Informatiedossier Provinsje Fryslân. Webside: https://informatiedossier-fryslan.nl/staat-van-fryslan/demografie/bevolking/. Krigen 30 maaie 2018. Menameradiel kromp fan 14.000 ynwenners yn 2000 oant 13.725 yn 2013, Ljouwerteradiel fan 10.650 yn 2000 oant 10.089 yn 2017.Sifers út ûnderskate berjochten yn de Leeuwarder Courant.

Ekonomyske groei fersus ‘Frysk eigene’

Dat alles hat fansels al in eardere histoarje. Foar 1965 wie it oanwizen fan yndustrialisaasje- en ûntwikkelingskearnen meast in lanlike oangelegenheid en net in provinsjale en der wie foar de doarpen gjin spesjaal beliedsomtinken.J.H.P. van der Vaart, “Och, alles feroaret, wy ek”: In ûndersyk nei de ynfloed fan it provinsjaal oarderings­belied op in wêzenlik ûnderdiel fan it kultuerpatroan yn Fryslân: it doarp (Ljouwert: Fryske Akademy, 1988) 27. As der dan fokused lokaal belied komme moat om’t Fryslân as ekonomysk-struktureel swakke provinsje yn de begjinjierren santich slim te lijen krijt fan de ekonomyske resesje – de oaljekrisis – en de befolking wilens weromrint, hat Fryslân amper ûnderfining mei romtlik oarderings­belied. Yn 1978 komt de Nota alternatieven as it alderearste selsstannich provinsjale stjoeren fan de demografyske takomst. Hoewol’t dêryn wat mear omtinken jûn wurdt oan sosjaalkulturele aspekten as de eardere tariedende nota’s, giet it om it yn grutter, lanlik perspektyf setten fan tema’s as skaalfergrutting, opliedings­nivo, ferskowing fan de arbeidsmerk nei tsjinstferliening ensafuort­hinne, dêr’t Fryslân net oan ûntkomme kinne soe.J.H.P. van der Vaart, “Och, alles feroaret, wy ek”: In ûndersyk nei de ynfloed fan it provinsjaal oarderings­belied op in wêzenlik ûnderdiel fan it kultuerpatroan yn Fryslân: it doarp (Ljouwert: Fryske Akademy, 1988) 33. De nije wize fan tinken oer sosjaal belied en romtlike oardering yn Fryslân makket de belangen fan de plattelâns­befolking ûndergeskikt oan de ferwachte neden en ûntwikkelings­mooglikheden fan de stêd. De provinsje komt mei twa alternativen foar in konsept-streekplan dêr’t boargers, it maatskiplik middenfjild en oerheden op reagearje koene.Sjoch Provinciale Planologische Dienst (Friesland), Streekplan Friesland: Kaartenatlas, Nota 251 (Ljouwert: Provinsje Fryslân, Maaie 1978); en Provincie Friesland, [Streekplan Friesland]: Inspraakresultaten van maatschappelijke organisaties en instellingen op de nota Alternatieven (Ljouwert: Provinciaal Bestuur van Friesland, 1979).

Alternatyf 1 sette keihurd yn op demografyske en ekonomyske groei: it kaam nei foarren as in kar foar Fryslân as in ‘stedelijke gemeenschap’, mei in wenningboubelied dat ek migraasje mooglik meitsje kinne soe. It liet it easten fan de provinsje oardel kear sa hurd groeie as de rest. It woe konsintraasje yn Ljouwert, Snits, Dokkum, Harns, Drachten en It Fean. Alternatyf 2 brocht in ‘groene provincie’ en een ‘dorpssamenleving’, mei in wenningboubelied rjochte op de eigen befolking. It ferdielde de befolkingsgroei yn in mear gelikense mjitte oer de provinsje. ‘De eerste mogelijkheid is gericht op een zo efficiënt en rendabel mogelijke exploitatie van de voorzieningen, de tweede op kleinschaligheid, overzichtelijkheid en herkenbaarheid.’‘Friesland staat voor keuze: groene provincie of “stedelijke” gemeenschap’, Leeuwarder Courant (30 augustus 1978).

It earste senario gie út fan in befolkingsgroei fan 1980-1995 fan 74.000 ynwenners, it twadde fan 44.000 ynwenners (tanksij de ekonomyske krisis fan 1980-1983 bleau de werklike Fryske befolkingsgroei beheind ta 22.000 minsken). ‘Het zal duidelijk zijn, dat alternatief 2 gunstiger is voor de kleine dorpen’, skreau de krante, mar Alternatyf 2 sels relativearre dat nochal, wierskynlik as refleksje fan beskate eangsten binnen de FNP:

Overigens moet hierbij opgemerkt worden dat het toedelen van te veel groei naar de kleine dorpen ook weer nieuwe problemen kan geven. Een grote bevolkingsgroei zal in de meeste gevallen los staan van een economische of sociale binding aan het dorp, hetgeen eerder een aantasting (van onder andere het Frysk eigene) dan een verrijking zal betekenen.‘Friesland staat voor keuze: groene provincie of “stedelijke” gemeenschap’, Leeuwarder Courant (30 augustus 1978).

Dochs wiene ynsprekkers it posityfst oer eleminten fan Alternatyf 2 wat ekonomyske groei en sprieding fan de befolking oanbelange. ‘Als overwegingen hiervoor werden vaak genoemd dat in alternatief 1 de leefbaarheid van de kleine kernen in gevaar komt en dat spreiding van bevolking, voorzieningen en werkgelegenheid hier gewenst is.’M.J. de Jong, Idee- en consensusvorming in de ruimtelijke ordening. Een sociaal-wetenschappelijk onderzoek naar de totstandkoming van het Streekplan Friesland 1982. Dissertaasje Landbouwhogeschool Wageningen (LW, Wageningen 1986) 138. Mar dy romte foar it ‘Frysk eigene’ befoel it mear saaklik ynstelde part fan de Steaten net bjusterbaarlik. Nei it petear oer de alternativen stelden Provinsjale Steaten in Nota Grondslagen en Basisbeslissingen fêst, dêr’t it aksint mei troch in grut tal moasjes fan CDA en VVD yn ferlein waard nei Alternatyf 1, sawol wat belied foar stêden en doarpen oanbelanget as foar lanlike gebieten.M.J. de Jong, Idee- en consensusvorming in de ruimtelijke ordening. Een sociaal-wetenschappelijk onderzoek naar de totstandkoming van het Streekplan Friesland 1982. Dissertaasje Landbouwhogeschool Wageningen (LW, Wageningen 1986), 153.

Sa waard it Streekplan 1982 úteinlik ek fêststeld. Nota bene it ryk liet in krityske noat hearre en warskôge foar ûnlykwichtige ûntjouwingen as it belang fan Ljouwert tefolle oerhearskje soe:

Naast waardering bleken er op rijksniveau voor een aantal beleidsterreinen bezwaren tegen het Streekplan te bestaan. (..) De nadruk op de groei van Leeuwarden en van de kleine kernen bergt het gevaar in zich dat de kernen in de categorieën daartussen in het gedrang kunnen komen. Deze zorg concentreerde zich vooral op de mogelijkheden voor handhaving of uitbreiding van het voorzieningenniveau.’M.J. de Jong, Idee- en consensusvorming in de ruimtelijke ordening. Een sociaal-wetenschappelijk onderzoek naar de totstandkoming van het Streekplan Friesland 1982. Dissertaasje Landbouwhogeschool Wageningen (LW, Wageningen 1986), 227.

Mar ein tachtiger jierren sloech de sosjalistyske fisy op stedsfernijing en romtlike oardering om yn de neoliberale oanpak. Om’t it omtinken hieltyd nei de lege klassen gien wie, wie de middenklasse fergetten , dy’t noch altyd yn goedkeape subsidiearre huzen wenne. It gie Nederlân ekonomysk wat better en it CDA-VVD kabinet Lubbers II die war dat ekonomyske opbetterjen beet te hâlden. De rânestêd moast in ynternasjonaal konkurrearjend stedsfêstigingsmiljeu wurde mei toplokaasjes foar kantoaren en moderne wenten. It is dan Ed Nijpels, minister fan FROM, dy’t syn nocht hat fan de ‘ferrommeling’ fan it lân en dy’t ekonomy keppelje wol oan romtlike oardering. Mei de Vierde Nota Ruimtelijke Ordening kiest Nijpels radikaal foar ekonomy ynstee fan folkshúsfêsting: ‘We wilden stedelijk gebieden versterken en de woningbouw ook daar concentreren. Met als gevolg dat we een enorme stammenstrijd kregen tussen gemeenten. Want ze wilden natuurlijk allemaal het sterke knooppunt worden.’Noud Köper, Woekeren met ruimte: over de inrichting van Nederland (Amsterdam/Antwerpen: Business Contact, 2010) H1: 2. Yn Fryslân ferlieze hast alle gemeentes. En yn 1999 is it Nijpels dy’t kommissaris fan de Keningin wurdt yn Fryslân.

Wie it kompromis yn 1982 dus noch gear te fetsjen as ‘Ljouwert en de lytse kearnen’, yn 2006 wiene de ekonomyske foarútsjoggen fan it plattelân wat út byld rekke ten faveure fan syn lânskiplike kwaliteiten. It gie no foaral tsjin wite skimmel en lytse bedriuwsterreintsjes. Wol bleau der romte foar wenningbou op it plattelân, foaral yn de gruttere doarpen.

Doe’t noch gjin jier letter de nije werklikheid fan de krimp him yn ’e media oantsjinne, wie de wenningbouwyn alwer draaid: ‘Friesland werd de afgelopen weken verscheidene keren geconfronteerd met de nieuwe werkelijkheid: de bevolking groeit niet meer. (..) Eergisteren vertelde gedeputeerde Anita Andriesen dat er een eind komt aan de grotere stads- en dorpsuitbreidingen.’M. [Rimmer Mulder], ‘Snel wennen aan de krimp’, Leeuwarder Courant (30 novimber 2007). Eelke Nutma, direkteur fan Doarpswurk – in provinsjaal subsidiearre organisaasje dy’t doarpsferienings bystiet yn har besykjen wat fan in doarpslibben oerein te hâlden – liet witte dat doarpen ôfmoatte ‘van het idee dat groei nodig is om voorzieningen in stand te houden omdat die de leefbaarheid garanderen’.‘”Dorpshuis is ook in krimpdorp onmisbaar”’, Leeuwarder Courant (14 maaie 2010). Gemeentlike oerheden droegen ek har stientsje by. Nijbouplannen yn gemeenten mei dalende befolkingssifers moasten neffens de P10-plattelânsgemeentes ‘resoluut van tafel’.‘Nieuwbouw beperkt in krimpdorp’, Leeuwarder Courant (7 oktober 2010). De P10 kamen sels mei in Handleiding voor een toekomstbestendig platteland en woenen lykas de NVM en de Rabobank ynvestearringen sjen yn sloop. De Rabobank hie frees dat oars ‘de vermogenspositie van huis­eigenaren’ ûnder druk komme soe te stean. ‘Er moet schaarste gecreëerd worden.’‘Slopen behoudt leefbaarheid’, Leeuwarder Courant (23 oktober 2010).

En, sei de bank der foar de wissichheid noch mar efkes by, it slopen fan wenten hat mear kâns op súkses as it foarsearjen fan nij ekonomysk elan: ‘Want die laat zich moeilijk afdwingen’. Dat is hast in grappige opmerking, sjoen it massale bouwen dat yn Ljouwert mar gjin ein nimme wol. ‘Leeuwarder huizenbouw dendert maar door’, kopte de Leeuwarder Courant yn 2013, der wiene dat jier wer 298 huzen oan de Ljouwerter wenningfoarried taheakke. Fan 2006 oantemei 2008 gie it noch folle neder, mei respektivelik 622, 624 en 644 huzen derby. Yn de krisisjierren 2010-2012 wiene it der 244, 267 en 290.‘Leeuwarder huizenbouw dendert maar door’, Leeuwarder Courant (30 desimber 2013).

Gjin wûnder dat de Noardlike Rekkenkeamer yn 2015 rapportearre dat de provinsje Fryslân wol in protte prate oer krimp, mar der net folle tsjin die. De oanbefelling wie om werklike, mjitbere yngrepen te dwaan, om mei in te kontrolearjen útfierings­programma te kommen, en om de ynformaasje­foarsjenning te ferbetterjen. De hjirút risseltearjende Beleidsbrief Krimp en leefbaarheid fan deputearre Kramer (FNP) ymplisearre ûnder mear it al eardere utere idee fan sloop: Kramer stelde út om te ûndersykjen oft der in fûns komme koe om de wenningfoarried ‘oan te passen’.Erik Betten, ‘Provincie wil meer sturen bij aanpak krimp’, Friesch Dagblad (10 maart 2016).

De provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte, Seelân en Limboarch skatten efkes letter yn dat se alle jierren tusken de 350 en 400 miljoen euro noadich hawwe soene ‘om de effecten van krimp op te vangen en tegen te gaan. Met het geld moeten de woningvoorraad in krimpgebieden worden aangepast en leegstaande gebouwen een maatschappelijke functie krijgen’.‘Fryslân wil geld om krimp op te vangen’, Friesch Dagblad (28 jannewaris 2017). Sa’n sloopfûns, deputearre Kielstra neamt it leaver in ‘regeling’, dat klinkt better, is dus al lang op kommendewei. It moat no fan it jier syn beslach krije, as it oan de provinsje leit.

O ja, yn 2016 kamen der yn Ljouwert wer 694 huzen by.Erwin Boers, ‘In Leeuwarden 694 nieuwe huizen erbij’, Leeuwarder Courant (17 augustus 2017).

Mienskip?

Wilens is it juny 2018. Kielstra hat syn set dien. It tij liket geunstich foar sloop, alteast, foar pynlike yngrepen. It foarútsjoch fan befolkingskrimp wurdt polityk akseptearre; der is gjin aktyf belied tsjin, krimp wurdt sels oanmoedige en sawol Binnenlands BestuurJos Moerkamp, ‘Dorp kan zonder voorzieningen’, Binnenlands Bestuur (27 july 2012). as de Ryksuniversiteit Grins (RUG) Sjoch bygelyks it projekt Bereikbare Voorzieningen in Noardwest Fryslân: Een onderzoek naar de huidige en toekomstige ontwikkeling van voorzieningen (RUG, 2016) dat de demografyske feroaring as gegeven nimt en net as in beliedskar. litte al jierren witte – men soe de fragelisten ris ûnder it loerizer litte moatte – dat it de kwaliteit fan libben net oantaast en dat it allegear sa slim net is, gjin winkel, gjin skoalle, gjin kafee, gjin busferbining. De minsken kleie der wol oer, mar fertrekke dochs net. Dêrút falt dan ôf te lieden dat de sosjale gefolgen fan krimp wol wat tafalle soene. Ferbjusterjend is op ’e webside fan de RUG de synopsis fan in resint krimpûndersyk, dy’t prima útpakt foar it figearjende politike en amtlike belied, bygelyks op it terrein fan skoalslutingen:

Furthermore, it was found that the effects of primary school absence or closure only partly fitted the hypothesized negative effect on inward flows and positive effect on outward flows of families with school-aged children. In fact, inward flows of families in villages without a primary school were similar to the inward flows in villages with a primary school. The hypothesis that villages without a primary school attract fewer families with children than villages with a primary school was therefore not supported.‘Overview’ fan Hans Elshof syn dissertaasje oer krimp yn Noard-Nederlân, op de webside fan de Ryksuniversiteit Grins. Webadres: https://www.rug.nl/research/portal/en/publications/local-population-decline-in-rural-northnetherlands(a168d3f9-0557-4f31-bd01-a8696d075856).html. Krigen 31 maaie 2018.

Yn werklikheid seit de ûndersiker: ‘Contrary to popular belief, closing the last primary school was not found to influence inward flows of families with young children. However, the closure and absence of a primary school were associated with greater outward flows of families with young children.’Hans Elshof, Local population decline in rural North-Netherlands, Proefskrift Ryksuniversiteit Grins (Grins: RUG, 2017) 129. Myn kursyf.

De webside fan de RUG jout dúdlik in falske, selektive parafrase fan de konklúzje, út in tekst dy’t net lêzen wurdt troch de belieds­makkers en sjoernalisten. De helderheid fan de dissertaasje makket ûnoannimlik dat it om in fersin giet: it is mislieding, mei wittenskiplike autoriteit. De RUG hat (mei de Hanze Universiteit) it kennissintrum Kennis voor Krimp dat it yn ’e mande mei ‘consultancy’- en planburo’s en yn betelle opdracht fan oerheden ‘kennis’ produsearret ‘voor krimp’, dus om dy sa goed mooglik ferrinne te litten mei beliedsadvys foar doekjes foar ’t blieden. Kanttekenigen by it krimpbelied sil de RUG út de wei gean wolle.

Dêrby, in soartgelikense stúdzje oer migraasje-effekten yn Fryslân wie yn 1954 al dien, mei in lakonike konklúzje dat der gjin bewiis is foar weilûken fan heechoplaten en efterbliuwen fan kânsearmen. Fryske Akademy-ûndersiker Hoogeboom kritisearret dy stúdzje mei rjocht: “Uit niets blijkt, dat de migratie selecterend werkte.”Bart Hoogeboom, ‘De lange weg naar de krimp’, It Beaken 76:4 (2014) 310-336, 321 <https://www.fryske-akademy.nl/fileadmin/inhoud/beelden/homepage/Kennis/It_Beaken/76_2014/It_Beaken_2014_4_310-336.pdf> [krigen 1 juny 2018]. It giet om J.D. Wildeboer, Friesland verliest zijn kinderen: sociografische aspecten van de Friese emigratie, in het bijzonder uit Barradeel en Harlingen (Assen: Van Gorcum, 1954). De massale emigraasje út it Fryske plattelân wei om 1950 hinne hie boppedat al sjen litten wat de konsekwinsjes foar de kwaliteit fan it libben – it wurd ‘leefbaarheid’ bestie noch net – wie foar de efterbliuwers. It punt is dat de kwaliteit fan libben as better ûnderfûn wurdt troch minsken mei bern yn de basisskoalleleeftyd yn it gefal der in basisskoalle op rin- of fytsôfstân is en se mear mooglikheden hawwe om belutsen te wêzen by it skoallegean fan har bern. It punt by krimp is net dat de minsken net frijwillich oprotte en it dus sa wol bêst fine; it punt is dat minsken yn har sosjale kapasiteit fan natuere hingje oan har wenplak, oan har doarp, en in soad oarspronklike doarpsbewenners litte har dêrom net samar fuortjeie troch asosjaal oerheidsbelied. Se passe har oan. Mar ast har freegje soest wat der better kin, wat se misse, dan witte se it wol: in goed foarsjoene winkel yn ’e buert, in skoalle, in kafee, doarpshûs of multyfunksjoneel sintrum. In busferbining dêr’t je wat oan hawwe. Dus wurdt dat har net frege.

In nij ‘Wen-akkoart’, dêr’t Kielstra op út is, kin dus net te faak mei bulldozers oansetten komme. As it sa is dat de regio mei soarge hat foar de kick-off fan Ljouwert nei 1999, troch him jierrenlang te bedimjen en de broekriem mar wer fierder oan te lûken, dan is it foar de haadstêd no tiid om de helpende hân ta te stekken. De ekonomysk kwetsbere Waadkustregio moat net ôfbrutsen mar just fersterke wurde. Doarpen sille net talitte dat wenningbou­korporaasjes hiele strjitten mei wat yn de belibbing nijbouhuzen binne, platsmite as der neat foar weromkomt. En op de fêstiging fan inkeld senioaren sit men net te wachtsjen.

In doarp is net inkeld in samling huzen om yn te wenjen. It is in ‘mienskip’. En in ‘iepen mienskip’, sels LF2018 seit it. It is in bewenningsfoarm mei in skiednis en in takomst, dy’t ferlet hat, en inkeld bestean kin, fan kollektive kontakten, praktiken en foarsjenningen. It is suver synysk hoe’t it wurd ‘mienskip’ alle diskusje dea liket te slaan sadree’t in partij - meastentiids is dat de provinsjale oerheid mei syn netwurk oan subsidiïnte ynstellingen en organisaasjes – deryn slagget om op in beskaat tema de betsjutting fan it begryp te monopolisearjen.

Mar wat betsjut ‘mienskip’ as it hiel konkreet om de oanpak fan krimp yn Noard-Fryslân giet? It sloopfûns moat in opbou- en ynvestearringsfûns wurde. De mar al te faak weiriddenearre kealslach yn foarsjenningen op ’e doarpen, it massaal sluten fan basisskoallen op it plattelân,Neffens in ynventarisaasje fan begjin 2017 wurde yn it noarden fan de provinsje 23 skoallen mei opheffing bedrige. Maarten Pennewaard, ‘Pijn onontkoombaar in scholendiscussie’, Leeuwarder Courant (28 maart 2017). Sûnt 1985 binne der yn hiel Fryslân 167 skoallen sletten. Der binne noch 407 basisskoallen oer, mar alle jieren ferdwine der fiif oant tsien skoallen troch opheffing of fusy. De ferwachting is dat it tal learlingen yn Fryslân fan 2010 oant 2024 ôfnimt mei 20 persint. Maarten Pennewaard, ‘”Duivels dilemma” voor Leeuwarden in schoolkrimp’, Leeuwarder Courant (18 novimber 2017). dêr’t ek de bejaardesoarch ferdwyntIn foarbyld: inkeld troch de ynset fan fersoargingshûs Beuckelaer yn Sint Anne kin der yn Tsjummearum noch soarch levere wurde oan de bewenners fan Nij Bethanië. en it ferieningslibben allerwegen achterút kachelt, dat allegear is net in godsoardiel mar it risseltaat fan in bewuste polityk fan sosjale rôfbou yn tsjinst fan in rappere ûntjouwing fan stedlike sintra. It goede nijs is: it kin ek oars, der binne alternativen. Dêr kin foar keazen wurde. Dat kin net mei symboalyske ynvestearringen, lykas de ûntelbere miljoenen foar in befarbere Noardlike Alvestêderûte dy’t toeristen bringe moatte en dus doarp-rêdende ekonomy. Want lykas yn Seelân giet yn ek Fryslân ‘ferpaupering’ en krimp lykop mei ûnthechting en ienfoarmigens fan it lânskip, dus toeristen bliuwe fuort; der fart noait in kruserke troch Alde Leie. Der is in gearhingjend en ambysjeus sosjaal-ekonomysk spriedings- en weropbouprogramma nedich.

Konkreet: Ljouwert moat in stap tebek dwaan yn it belang fan syn noardlike plattelân. Dêr sil de publike diskusje fan ’t jier oer gean moatte.

En dan komt Alternatyf 2 út 1978 al gau wer om ’e hoeke. In ‘griene provinsje’, sa’t doe sein waard. En in sosjale provinsje. It giet dêrby net sasear om oersichtlikens, werkenberens en it ‘Frysk eigene’, mar wol om demokrasy, lytsskaligens, de kwaliteit fan it libben, de minsklike mjitte yn libben en wurk. ‘Het ligt allemaal niet zo zwart-wit’, sei deputearre Renkema (CDA) oer de Streekplannota Alternatieven fan dat jier. Sloper Kielstra moat him dat mar gau en plein publique neisizze.

Noaten

  1. Hilbrand Bijleveld, ‘Sociale gevolgen woonakkoord worden ingrijpend’, Leeuwarder Courant (30 maaie 2018).
  2. Anko de Jong, ‘Facelift voor het Bildt’, Leeuwarder Courant (23 jannewaris 1988).
  3. ‘Stichting aan de slag met huizen Bildtdijken’, Leeuwarder Courant (28 oktober 2015).
  4. ‘Krimp in Zeeland: wat is er aan te doen?’, Nieuwsuur (22 augustus 2015) <https://nos.nl/nieuwsuur/artikel/2053352-krimp-in-zeeland-wat-is-er-aan-te-doen.html> [Krigen 31 maaie 2018].
  5. ‘Ruim 200 huizen gesloopt met steun van de provincie’, site Omroep Zeeland (21 jannewaris 2017).
  6. Ibid.
  7. ‘Krimp in Zeeland: de ouderen blijven over’, Nieuwsuur (14 augustus 2015) <https://nos.nl/nieuwsuur/video/2052051-krimp-in-zeeland-de-ouderen-blijven-over.html> [Krigen 31 maaie 2018].
  8. Marco Bontje en Sako Musterd, ‘Understanding shrinkage in European regions’, Built Environment 38-2 (juny, 2012) 153-161, 160. <http://dx.doi.org/10.2148/benv.38.2.153>.
  9. ‘Gestage groei Friese bevolking’, Leeuwarder Courant (31 desimber 1997).
  10. Willem Bosma, ‘Rijken verruilen stad voor het platteland’, Leeuwarder Courant (14 desimber 1996). Basearre op sifers fan it CBS. Sjoch ek: ‘Stadsgewest verliest veel rijke inwoners’, Leeuwarder Courant (14 maaie 1999).
  11. ‘Leeuwarden moet snel aansluiten op A7-zone’, Leeuwarder Courant (25 novimber 1999).
  12. Ibid.
  13. Irene Overduin, ‘Lachen vergaat Leeuwarder buren’, Leeuwarder Courant (1 desimber 1998).
  14. ‘Leeuwarden bouwt veel te weinig huizen’, Leeuwarder Courant (23 oktober 2001).
  15. Erik Betten, ‘Krimpfriezen verhuizen vaak binnen provincie’, Friesch Dagblad (10 july 2015).
  16. Provinsjale Steaten fan Fryslân, ‘Streekplan Fryslân 2007: Om de kwaliteit fan de romte’, Ljouwert, 13 december 2006, 137 <https://provinciale-begroting.frl/2018/wp-content/uploads/sites/4/2017/09/Streekplan_fryslan_2007-2016.pdf> [krigen 1 juny 2018].
  17. Provinsjale Steaten fan Fryslân, ‘Streekplan Fryslân 2007: Om de kwaliteit fan de romte’, Ljouwert, 13 december 2006, 140 <https://provinciale-begroting.frl/2018/wp-content/uploads/sites/4/2017/09/Streekplan_fryslan_2007-2016.pdf> [krigen 1 juny 2018]. ‘Stiens heeft in het stedelijke bundelingsgebied Leeuwarden een specifieke aanvullende woonfunctie voor Leeuwarden. Wij staan positief tegenover het maken van nadere afspraken met de betrokken gemeenten over de ontwikkeling van Aldlân II bij Stiens, wanneer betaalbare woningbouw voor specifieke doelgroepen hier een belangr Stiens ijk onderdeel van uitmaakt en wanneer er een goede afstemming met de woningbouw in Leeuwarden plaatsvindt.’
  18. ‘Krimpdorpen moeten zich specialiseren’, Leeuwarder Courant (11 maart 2010).
  19. Theo Klein, ‘Krimpaanpak vraagt om politieke moed’, Friesch Dagblad (19 july 2017).
  20. ‘De ontwikkeling van de bevolking. Informatiedossier Provinsje Fryslân. Webside: https://informatiedossier-fryslan.nl/staat-van-fryslan/demografie/bevolking/. Krigen 30 maaie 2018.
  21. Sifers út ûnderskate berjochten yn de Leeuwarder Courant.
  22. J.H.P. van der Vaart, “Och, alles feroaret, wy ek”: In ûndersyk nei de ynfloed fan it provinsjaal oarderingsbelied op in wêzenlik ûnderdiel fan it kultuerpatroan yn Fryslân: it doarp (Ljouwert: Fryske Akademy, 1988) 27.
  23. Id., 33.
  24. Sjoch Provinciale Planologische Dienst (Friesland), Streekplan Friesland: Kaartenatlas, Nota 251 (Ljouwert: Provinsje Fryslân, Maaie 1978); en Provincie Friesland, [Streekplan Friesland]: Inspraakresultaten van maatschappelijke organisaties en instellingen op de nota Alternatieven (Ljouwert: Provinciaal Bestuur van Friesland, 1979).
  25. ‘Friesland staat voor keuze: groene provincie of “stedelijke” gemeenschap’, Leeuwarder Courant (30 augustus 1978).
  26. Ibid.
  27. M.J. de Jong, Idee- en consensusvorming in de ruimtelijke ordening. Een sociaal-wetenschappelijk onderzoek naar de totstandkoming van het Streekplan Friesland 1982. Dissertaasje Landbouwhogeschool Wageningen (LW, Wageningen 1986) 138.
  28. Id., 153.
  29. Id., 227.
  30. Noud Köper, Woekeren met ruimte: over de inrichting van Nederland (Amsterdam/Antwerpen: Business Contact, 2010) H1: 2.
  31. M. [Rimmer Mulder], ‘Snel wennen aan de krimp’, Leeuwarder Courant (30 novimber 2007).
  32. ‘”Dorpshuis is ook in krimpdorp onmisbaar”’, Leeuwarder Courant (14 maaie 2010).
  33. ‘Nieuwbouw beperkt in krimpdorp’, Leeuwarder Courant (7 oktober 2010).
  34. ‘Slopen behoudt leefbaarheid’, Leeuwarder Courant (23 oktober 2010).
  35. ‘Leeuwarder huizenbouw dendert maar door’, Leeuwarder Courant (30 desimber 2013).
  36. Erik Betten, ‘Provincie wil meer sturen bij aanpak krimp’, Friesch Dagblad (10 maart 2016).
  37. ‘Fryslân wil geld om krimp op te vangen’, Friesch Dagblad (28 jannewaris 2017).
  38. Erwin Boers, ‘In Leeuwarden 694 nieuwe huizen erbij’, Leeuwarder Courant (17 augustus 2017).
  39. Jos Moerkamp, ‘Dorp kan zonder voorzieningen’, Binnenlands Bestuur (27 july 2012).
  40. Sjoch bygelyks it projekt Bereikbare Voorzieningen in Noardwest Fryslân: Een onderzoek naar de huidige en toekomstige ontwikkeling van voorzieningen (RUG, 2016) dat de demografyske feroaring as gegeven nimt en net as in beliedskar.
  41. ‘Overview’ fan Hans Elshof syn dissertaasje oer krimp yn Noard-Nederlân, op de webside fan de Ryksuniversiteit Grins. Webadres: https://www.rug.nl/research/portal/en/publications/local-population-decline-in-rural-northnetherlands(a168d3f9-0557-4f31-bd01-a8696d075856).html. Krigen 31 maaie 2018.
  42. Hans Elshof, Local population decline in rural North-Netherlands, Proefskrift Ryksuniversiteit Grins (Grins: RUG, 2017) 129. Myn kursyf.
  43. Bart Hoogeboom, ‘De lange weg naar de krimp’, It Beaken 76:4 (2014) 310-336, 321 <https://www.fryske-akademy.nl/fileadmin/inhoud/beelden/homepage/Kennis/It_Beaken/76_2014/It_Beaken_2014_4_310-336.pdf> [krigen 1 juny 2018]. It giet om J.D. Wildeboer, Friesland verliest zijn kinderen: sociografische aspecten van de Friese emigratie, in het bijzonder uit Barradeel en Harlingen (Assen: Van Gorcum, 1954).
  44. Neffens in ynventarisaasje fan begjin 2017 wurde yn it noarden fan de provinsje 23 skoallen mei opheffing bedrige. Maarten Pennewaard, ‘Pijn onontkoombaar in scholendiscussie’, Leeuwarder Courant (28 maart 2017). Sûnt 1985 binne der yn hiel Fryslân 167 skoallen sletten. Der binne noch 407 basisskoallen oer, mar alle jieren ferdwine der fiif oant tsien skoallen troch opheffing of fusy. De ferwachting is dat it tal learlingen yn Fryslân fan 2010 oant 2024 ôfnimt mei 20 persint. Maarten Pennewaard, ‘”Duivels dilemma” voor Leeuwarden in schoolkrimp’, Leeuwarder Courant (18 novimber 2017).
  45. In foarbyld: inkeld troch de ynset fan fersoargingshûs Beuckelaer yn Sint Anne kin der yn Tsjummearum noch soarch levere wurde oan de bewenners fan Nij Bethanië.

Mear fan Abe de Vries

‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie
1 2 3 4 5 6 7 8 9