image Longyearbyen - reispoëzy fan Gerrit de Vries

Poëzy

Gerrit de Vries - Fers2 nû. 7.5, 31 oktober 2021

Longyearbyen

LYR seit it label oan myn wykeintas

by de bagaazjebân op it fleanfjild

stiet in opsette iisbear

meist hjir net sûnder gewear

of gids de stêd út

ferline jier is op it kampearterrein

noch immen deabiten

bûten stiet in warskôgingsboerd

wês wach foar iisbearen

op winkels in sticker

ferbean foar gewearen en pistoalen

der binne hjir mear iisbearen as snieskooters

en mear snieskooters as minsken

kreas yn gelid steane se op parkearplakken

of wêr’t se ek mar stienen doe’t

de snie raande fan’t simmer

de Poalstjer stiet dy hjir

rjocht boppe de holle

der is in bluesfestival om te fieren

dat de sinne nei it wykein

de rest fan it jier foarby

efter de berch bliuwt

smoke yn it houten guesthouse

mei net bûten is it ferrekte kâld

troch it iepen finster blaas ik

in reekwolk de poalnacht yn

hearst hjir de snie fallen

en it Noarderljocht

haw ik noch net sjoen

trije lantearnepeallen fierder

begjint it ein fan de wrâld

Mear fan Gerrit de Vries

78° Noard In wierbarde koarte thriller