demokratisearring

Minder minsken foar mear literatuer

Demokratisearring en Fryske literatuer, 1960-1975

Abe de Vries - Fers2 2.12, 12 juny 2016

Minskene bifrijing sûnder bifrijing fan ’e mindertallen is ûnbisteanber.F.S. Sixma van Heemstra

In gongbere, algemiene definysje fan demokrasy is dizze:

[Democracy] refers very generally to a method of group decision making characterized by a kind of equality among the participants at an essential stage of the collective decision making.Tom Christiano, ‘Democracy’, yn: Edward N. Zalta, red., Stanford Encyclopedia of Philosophy (Spring 2015 Edition). <http://plato.stanford.edu/archives/spr2015/entries/democracy/> Krigen 25 maaie 2016.

‘A kind of equality’ is in problematysk punt, sa’t minderheden yn demokrasyen goed begripe. It dogma fan de numerike mearderheid kin liede ta it ûntstean fan ‘groups of persons who find themselves always losing in majority decisions’,Tom Christiano, ‘Democracy’, yn: Edward N. Zalta, red., Stanford Encyclopedia of Philosophy (Spring 2015 Edition). <http://plato.stanford.edu/archives/spr2015/entries/democracy/> Krigen 25 maaie 2016. dêr’t dan oanfoljende maatregels foar nommen wurde moatte. De ferwachting dat yn de Fryske literatuer, de literatuer fan in minderheids­taal ommers, reflektearre is op it oeral yn de sechstiger en santiger jierren waar te nimmen maatskiplike proses fan demokratisearring, en dêr boppedat ek troch rekke is, liket net ûnlogysk, mar in aparte stúdzje nei demokrati­searring fan Fryske literatuer, en de literêre reaksje op demokratisearring, is oan no ta net dien. It giet dan oan de iene kant oer kulturele demokratisearring: it top-down proses fan it beskikber of tagonklik meitsjen fan kultuer foar de demos, op basis fan de passive kulturele gelykheid fan boargers. Oan de oare kant is der de noasje fan kulturele demokrasy, wêryn’t kultuer op basis fan in aktive kulturele gelykheid fan boargers bottom-up definiëarre wurdt, yn kompetysje mei elitêre definysjes fan kultuer.Pierre Mouliner, ‘La dimension territoriale de la démocratisation culturelle’, yn: Comité d’histoire du ministère de la Culture et de la Communication, Centre d’histoire de Sciences-Po Paris, La démocratisation culturelle au fil de l’histoire contemporaine, Paris, 2012-2014 <http://chmcc.hypotheses.org/389>. Krigen 8 juny 2016.

No’t de lêste jierren bliken docht dat topdown belied foar fuortsterking fan literêre aktiviteiten net liedt ta mear boekferkeap, of mear kwaliteit, noch ta de ferskining fan in jonge literêre generaasje, docht it ferlet fan kennis oer it histoaryske bottom-up fuortsterkjen fan kultuer him fielen. Yn dit artikel wurdt in beheind tekstûndersyk dien nei sekundêre Frysktalige literatuer yn de perioade 1960-1975, oan de hân fan de fraach op watfoar manier demokratisearring dêryn ta utering komt of behannele wurdt. Yn dat ramt sjoch ik nei twa wichtige literêre moanneblêden, De Tsjerne en Trotwaer, en twa foar de Fryske literatuer belangrike deiblêden, de Friese Koerier en de Leeuwarder Courant, derfan útgeand dat relevante diskusjes yn it literêre fjild har weromkenne litte yn ien of mear fan dy fjouwer boarnen. Ik sykje nei tinkwizen, stânpunten en útlittingen fan statusfigueren yn it literêre fjild, i c. skriuwers, resinsinten en kultuerpolitisy. In ferantwurding fan konsepten, metoade en analyse jou ik yn dizze earste paragraaf. Yn de paragrafen 2, 3 en 4 lit ik sjen hoe’t teksten presys referearje oan demokratisearring. It artikel slút ôf mei foarriedige konklúzjes en in tentative evaluaasje út hjoeddeisk perspektyf wei.

De ûndersyksperioade is keazen op basis fan histoarysk-sosjologyske ynsjoggen, yn de ferwachting dat demokratisearring fan literatuer in relaasje hat mei maatskiplike demokratisearring. Sosjolooch Kees Schuyt hat de lêste demokratisearrings­perioade yn Nederlân situearre tusken it werstel fan demokrasy yn de fyftiger jierren en de opkomst fan it neoliberale merktinken yn de tachtiger jierren yn.Kees Schuyt, ‘Sociaal-culturele golfbewegingen in de twintigste eeuw’, yn: Ibid., Steunberen van de samenleving. Sociologische essays (Amsterdam University Press, Amsterdam 2006) s. 27-28: ‘Na de Tweede Wereldoorlog brak een periode aan van de “bevrijdings­politiek”. Eerst ging het om een kalm maar vastberaden en sterk herstel van de democratie in de jaren vijftig, daarna ontstonden radicalere vormen van democratisering in de jaren zestig en zeventig. In het politieke denken vanaf de jaren tachtig vond vervolgens de herontdekking van de markt plaats, gepaard met kritiek op de “te ver doorgeschoten” democratisering.’ Grutte groepen jongerein (babyboomers) kamen yn de sechstiger jierren op de merk fan kultuerkonsumpsje en -produksje, as generaasjes mei mear jild en frije tiid as oait tefoarren. Yn 1965 wie de nije wolfeart yn syn folle omfang sichtber; de tillevyzje bygelyks hie doe yn 75 persint fan de húshâldens in plak krigen.Kees Schuyt, ’Naar de vermenselijking van de samenlevings­organisatie’, yn: Kees Schuyt, Steunberen van de samenleving. Sociologische essays (Amsterdam University Press, Amsterdam 2006) (2006), s. 11-12. Tsien jier letter begûn it tij te ferrinnen, mar it relative isolemint fan de Frysktalige kultuer wie doe op folle gruttere skaal trochbrutsen as wat Nederlânsktalige skriftlike en radiopublikaasjes earder op dat mêd bearbeide hiene.

Kulturele demokratisearring / kulturele demokrasy wurdt hjir dus besjoen as de maatskiplike ûntjouwing dy’t sawol de passive as de aktive partisipaasje fan minsken oan keunst en kultuer fergruttet. Socht is nei stânpunten en útlittingen dy’t ferbân hâlde mei trije aspekten fan demokratisearring, te witten ûntmytologi­searring, populari­searring en ynspraak/partisipaasje. Untmytologi­searring yn literatuer is it bleatlizzen fan de wrâldfisy dy’t ymplisyt yn de taal en syn gebrûk leit;Richard E. Palmer, Hermeneutics. Interpretation theory in Schleiermacher, Dilthey, Heidegger and Gadamer (Northwestern University Press, Evanston 1969) s. 31. mear yn it bysûnder giet it om krityk – yn neifolging fan Barthes (1955, 1957, 1967) – op de sabeare ‘natuerlikheid’ fan taal en tekst as artefakten fan kulturele ideology.Gordon E. Slethaugh, ‘Demythologizing’, yn: I.R. Makaryk, ed., Encyclopedia of Contemporary Literary Theory: Approaches, Scholars, Terms (Toronto University Press, Toronto 1993) s. 529-530. Unt­mytologi­searring fynt bygelyks plak yn keunst­uteringen dy’t gebrûk meitsje fan it ‘elimineren van een hogere werkelijkheid ten gunste van de dagelijkse’,Paul Luttik, ‘Realiteit in de beeldende kunst van de jaren ‘60’, yn: W.A.L. Beeren, red., Actie, werkelijkheid en fictie in de kunst van de jaren ’60 in Nederland (Museum Boymans van Beuningen, Rotterdam 1979) s. 150. it minimalisearjen fan ‘de auteur’ en it persoanlik-unike, it wurdearjen fan spontaniteit, ymprovisaasje en de ‘happening’ (Beeren, 1979) en it adagium dat elke minske kreatyf en yn potinsje in keunstner is.

Under popularisearring fan literatuer ferstean ik de groeiende tagong fan hieltyd gruttere publiken ta literatuer, ek fan dy groepen ‘who do not have ready access (..) for lack of income or education’ (Evrard, 1997), of om’t se út froulju bestean (Guerrilla Girls, 1985), en oan de byhearrende ideology fan de ‘civilising value of the arts’ (Gattinger, 1997). By ynspraak/partisipaasje giet it om it dielnimmen fan minsken oan it literatuerbelied fan de oerheid en fan keunst­ynstellingen, -organisaasjes en –ynstituten, dat ek de foarm krije kin fan it sels oprjochtsjen troch groepen skriuwers fan sokke ynstellingen en organisaasjes.

Om relevante stânpunten en útlittingen fan status­figueren yn it literêre fjild, i c. skriuwers, resinsinten en kultuerpolitisy, op it spoar te kommen, binne de tydskriften en kranten twatalich empirysk ûndersocht op de stekwurden demokrasy, demokratisearring, ynspraak, meiprate, meidwaan, meisizzenskip, myte en ûntmytologi­searring. De beide kranten binne digitaal trochsocht mei de sykmasine fan Delpher (www.delpher.nl), De Tsjerne (pdf’en) mei de sykfunksje fan Adobe Reader en Trotwaer manueel. De krigen boarneteksten binne hermeneutysk, dus nei tema’s en de gearhing fan riddenearringen, en retoarysk, dus nei wearden en opfettingen bedoeld om it publyk te stjoeren, analisearre en fan kontekst foarsjoen. Ien en oar presintearje ik safolle mooglik yn in trochrinnend ferhaal.

Untmytologisearring

‘De tael is in finsterke fan ribbeltsjeglês dat ús yn steat stelt de wurklikheit to sjen, mar krekt net yn syn wier stal’, sa’t Jo Smit it neamde, yn in essayJo Smit, ‘Oer eksperimintele poëzij’, De Tsjerne 14-1 (1959) s. 22. dat ynfloed sjen lit fan it Amerikaanske New Criticism, de Frânske nouvelle critique, Claude Lévi-Strauss’ Tristes tropiques (1955) en Roland Barthes’ Mythologies (1957). Yn Fryslân koe men mar sa út en troch ek wat fan datsoarte problematisearjen fan taal en literatuer fernimme, bygelyks yn trije lêzingen oer de Fryske roman yn augustus 1963 op it ‘Farrend Kongres’ fan de Fryske Akademy. Under de prozayske titel ‘Trijelûd út it wetterlân’ binne de bydragen fan Ype Poortinga, Jo Smit en Klaas de Wit yn De Tsjerne opnommen.Ype Poortinga, Jo Smit en Klaas de Wit, ‘Trijelûd út it wetterlân’, De Tsjerne 18-11 (1963).

Hjir is benammen de lêzing fan Klaas de Wit, skriuwer en mei Anne Wadman befreone leraer Ingelsk oan it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert, nijsgjirrich. De Wit leit in ferbân tusken demokratisearring en de feroarjende rol fan de lêzer yn modernistyske literatuer:

[M]en kin dizze moderne ynterpretaesje-leaze kunst (of poly-ynterpretabel, dat komt op itselde del) mei likefolle rjocht sjen as in revolusionair demokratisearringsproses. Wie it eartiids sa, dat de kunstner mei in hast souvereine autoriteit syn eigen individuéle fisy oan de lêzer optwong, nou is it winliken sa, dat it kréative momint fan it kunstwurk nei de lêzer (taskôger, tahearder) forskoud is. De kunstner sels is fan it forheven fuotstik fan de demi-god omdel kommen en is wurden ta in gewoan ambachtsman, hwaens grutste ambysje it is syn ‘stiel’, syn technyk, sa goed mooglik to bihearskjen. Hy hat ôfstân dien fan de greate alles-omfetsjende fisy, it op de ivichheit rjochte fisioen; hy wol net mear wêze as in sa objektyf mooglike middeler tusken de réaliteit en syn net-skriuwende evenminske.Ype Poortinga, Jo Smit en Klaas de Wit, ‘Trijelûd út it wetterlân’, De Tsjerne 18-11 (1963), s. 414-415.

De skriuwer, net as sjeny mar as ambachtsman; de ferskowing fan ynhâld nei technyk; it opjaan fan fisy en fisioen; de partisipaasje fan de lêzer oan it keunstwurk; dat alles sleat oan by de rjochting dy’t it literêre eksperimint al ein fyftiger jierren nommen hie yn de Nederlânsktalige en bûtenlânske literatuer. Dêryn kamen de kollaazje, de ‘ready-made’, it gebrûksfers en de anekdoate sterk nei foarren. Lykop mei wat efkes letter de ‘linguistic turn’ (Bergmann, 1964) en de ‘death of the author’ (Barthes, 1967) neamd wurde soe, rûn de berte fan de lêzer, dy’t net langer inkeld mar de ‘ûntfanger’ wie mar no ek ‘produsint’ fan betsjuttingen waard. By De Wit is de skriuwer net it sjeny dat fisy en fisioen hat, mar in technikus, dy’t de realiteit ûnt­mytologi­searret en op dy wize demokratisearret: tagonklik makket foar in publyk.

Yn 1963 wie ‘myte’ al net mear in ûnbekend wurd yn de Fryske literatuer. It hie doe al politike konnotaasjes. Yn in haad­redaksjoneel kommentaar yn de Friese Koerier yn 1957 hie Fedde Schurer úthâlden, de oanspraken fan de Fryske beweging berêsten ‘niet op een mythe, maar op de werkelijkheid’.Fedde Schurer, ‘Warnen’, Friese Koerier, 5 jannewaris 1957. It stik reagearre op argeologyske ynsjoggen dat de midsieuske Friezen in oar ‘folk’ wiene as harren foargongers fan fóar de Folksferhuzing.P.C.J.A. Boeles, Friesland tot de elfde eeuw. Zijn voor- en vroege geschiedenis (M. Nijhoff, Den Haag 1951). It kaam der neffens Schurer net op oan ‘wat een volksgemeenschap in de vroegere middeleeuwen was of wat een naam toen precies betekende, maar wat ze in het heden is’. Mei oare wurden: it begryp ‘it Fryske folk’ hoegde net needsaaklik ûnder it nije kennisrezjym te lijen.

Neffens Schurer, yn De Tsjerne alve moanne letter, wie Jan Piebenga (syn kollega-haadredakteur by de Leeuwarder Courant) ‘dochs wer yn de mythe forfallen’, en wol yn de krekt publisearre twadde, oanfolle printinge fan syn Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, it standert-literatuerhânboek:

De mythe fan in folk mei in stel deugden as frijheitssin, ynbannigens, stânfêstens, earlikens, swijsumens en nim mar mear mei. In folk dat op sa’n basis in litteratuer hawwe moat, dat wol sizze in yn forhaelfoarm biskreaune of op rym sette byltnis fan syn treflikens en dregens. Dy mythe hat jierrenlang de skriuwers en alle kunstners hjir it sykheljen ûnmooglik makke. En Douwe Kalma, hoewol yn in oare mythe forfallend, hie gelyk doe’t er dêr de brânfakkel yn smiet. In kunstner, dy’t net folslein los komt fan dit folk, sil gjin kunstner wêze kinne en dus by einsluten foar syn folk weardeleas wêze.Fedde Schurer, ‘Fan Bernlef oant Tetman’, De Tsjerne 12-11 (1957) s. 348.

Schurer presintearre himsels as in realist dy’t him distânsjearre fan ‘dy mythe’. Dêr bedoelde er net sasear Frysk-nasjonaal tinken mei, mar de skriuwerij oer folkskarakter yn de skriuwerswrâld fan fóar Douwe Kalma, dus de saneamde folkskriuwerij. Syn werklike ferwyt oan Piebenga wie dan ek net sasear it wurkjen mei in myte, mar it net genôch ûnderstreekjen fan it belang fan Kalma foar de Fryske literatuer. Dat Schurer in gefoelich punt rekke hie – Piebenga syn tinken oer ‘it folk’ – bliek út in reaksje fan de (doe noch) sjoernalist fan Piebenga syn Leeuwarder Courant, Jacob Noordmans (de lettere haadredakteur):

Piebenga wit skoan it ûnderskied tusken mythe en skiednis en hy ken de ûndeugden fan it Fryske folk ek to bêst om datoangeande yn in mythe to forfallen. Men hellet it mythe-hynderke tsjintwurdich ek wolris hwat al to fluch fan ’e stâl.Jacob Noordmans, ‘Fryske tydskriften’, Leeuwarder Courant, 23 novimber 1957.

Noordmans ferliende gesach oan Piebenga: dy ‘wit skoan’ en ferskynt as in kenner fan it Fryske folk – dat alles lykwols sûnder argumintaasje en inkeld op basis fan reputaasje/autoriteit. Troch de krityk ôf te dwaan as it ‘mythe-hynderke’ dat al te gau derby sleept wurdt, naam de Leeuwarder Courant syn eigen haadredakteur yn beskerming tsjin krityk fan de skriuwer Fedde Schurer, dy’t yn in oar libben (?) lykwols ek de haadredakteur wie fan de konkurrint, de Friese Koerier. Sokke dûbele literêre-sjoernalistike petten makken dat de literêr-machtige generaasje him ferbûn fielde mei de regionaal-mediale macht: in sitewaasje dy’t oare en/of jongere skriuwers, dy’t gjin mediabedriuwen achter har hiene, útdage ta krityk.

demokratisearring

Lolle Nauta begûn yn 1960 konkreet te ûnt­mytologi­searjen nei oanlieding fan in artikel oer Fryske literatuer yn de NRC.Lolle Nauta, ‘De Fryske literatuer as export-artikel’, De Tsjerne 15-3 (1960) 94-95. Hy hat it dêr oer it artikel ‘Aandacht voor de Friese letterkunde’, NRC, 20 febrewaris 1960. It doelwyt wie op ’e nij Jan Piebenga, dy’t ek al it mikpunt west hie fan Jan Wybenga yn 1952 (‘hurrel’)Sjoch Abe de Vries, ‘De spikerbrits fan Tsjirkje. Jan Wybenga en de Twadde Wrâldoarloch’, Fers2, yn ûnderskate ôfleveringen publisearre yn 2015. en Fedde Schurer yn 1957, en dy’t it yn 1966 op ’e nij wurde soe, doe fan Bauke de Jong. Yn de NRC wie Piebenga’s essaybondel Omgong en trochtocht (1959) besprutsen; Nauta frege him ôf wat de NRC-lêzer dy’t dy bondel ris ynsjen soe, tinke soe as er stjitte op de ‘Germaenske werberte’ dêr’t Piebenga it yn 1935 oer hân hie. De bondel wie neffens him in ‘study in prejudice’ en in bewiis dat der

ek op it terrein fan de geast export-artikels bisteane, dy’t fuortendaliks bidjerre, as men se útfiert nei kontreijen mei in oar klimaet en se net biwarret yn de iiskast fan it eigene.Lolle Nauta, ‘De Fryske literatuer as export-artikel&rquo;, De Tsjerne 15-3 (1960) 94-95, s. 95.

Nauta hold mei oare wurden út dat de Fryske myte (‘it eigene’) rotte appels ynhie en syn stik suggerearre dat it rassyk tinken (‘Germaenske werberte’) fan Piebenga yn it begjin fan de tritiger jierren ien fan dy appels wie. Lykwols waard Omgong en trochtocht yn itselde nûmer fan De Tsjerne fereare mei it earste part fan in wiidweidich loovjend essay, publisearre yn mar leafst fjouwer ôfleveringen, fan redaksjelid Eeltsje Boates Folkertsma.Eeltsje Boates Folkertsma, ‘Bier en barmhertichheit’, De Tsjerne 15-3, 15-4, 15-5 en 15-6 (1960). Dy hie lykas Piebenga al foar de oarloch in belangrike rol spile yn de Fryske beweging, wie lykas Piebenga otterdoks-protestantsk en liet it no foarkomme as hie Piebenga’s leauwe him úteinlik glorieus werhâlden fan kollaboraasje en Dútsgesindheid, nettsjinsteande syn eardere fassinaasje foar de aksje en de krêft fan Hitlers kréaasje.

Oer Nauta syn krityske úthaal bleau it fierder stil yn De Tsjerne – as wie syn lûd tabû. Twa jier letter besocht er it wer doe’t er in demytologisearjend essay fan Herman van den Bergh oer Jan Jacob Slauerhoff en syn wurk priizge as in ‘oanfal op de mythe, dy’t Slauerhoff om himsels hinne weefd hat en dêr’t er troch tiidgenoaten as Ter Braak, Du Perron en (..) Kelk yn fuortsterke waard’.Lolle Nauta, ‘Posthume eare oan J.J. Slauerhoff’, De Tsjerne 17-3 (1962) s. 90, oer Herman van den Bergh, Schip achter het boegbeeld (L.J.C. Boucher, Den Haag 1958). Neffens Nauta ‘pjukt’ Van den Bergh ‘mei rjocht en reden yn de Slauerhoff-mythe om en bilytset dy ta in bytsje mear as neat’.Lolle Nauta, ‘Posthume eare oan J.J. Slauerhoff’, De Tsjerne 17-3 (1962) s. 95. De goede fersteander koe der in útnoeging yn lêze om no ek ris fraachtekens te setten by Frysk-nasjonale literêre helden.

Pas wat Bauke de Jong skreau, sette de ferhâldingen yn de Fryske literêre wrâld op skerp. Syn filippikaBauke de Jong, ‘E.B. Folkertsma, ús bêste tsjerkeblêdtsje-essayist grif; of: de doarpsidioat as essayist’, Asyl 2-1965, s. 54-55. yn it blêd Asyl begjin 1965 tsjin Eeltsje Boates Folkertsma risseltearre in goed jier letter yn de mislearring fan in fuzy tusken de literêre De Tsjerne, Quatrebras en Asyl om’t de eigner fan De Tsjerne, de stichting Je Maintiendrai-Friesland, beswieren hie tsjin in redakteurskip fan De Jong. Wat De Jong dien hie, wie de autoriteit yn twifel lûke fan immen dy’t it houlik tusken literatuer en beweging ferpersoanlike en foar waans kristlik-nasjonale fisy op Fryske kultuer tenei gjin plak mear wêze moatte soe yn serieuze diskusjes. Folkertsma soe himsels al foar de oarloch diskwalifisearre hawwe mei syn rige stikken yn De Stim fan Fryslân oer de posysje fan de joaden yn de protestantske teology.Under mear E. Folkertsma, ‘De jage Joad’, De stim fen Fryslân, nû. 570 (30 desimber1938). Ek De Jong syn lêzing foar de RONO oer de bondel Aarden vaten (1966) fan de doe krekt ferstoarne Jan Piebenga stie yn dat ramt.Bauke de Jong, ‘Besprek Aarden vaten, Radio Omroep Noord (RONO), 28 juny 1966.

Yn de grimmitige toan fan De Jong spile mei dat er sels ein fyftiger jierren ôfskied nommen hie fan syn ortodoks-herfoarme leauwe. ,,Myn posysje foar it leauwe oer hat wol meispile yn ’e krityk op Folkertsma. Dy krisis hat ûngetwifeld de achtergrûn west fan dy fûle toan fan my yn dy stikken”, sei er letter yn in ynterview.Abe de Vries, ‘”Ik stean der noch fan te triljen op myn fuotten”. Bauke de Jong, of de byldestoarm nei it ferlies fan God’, Farsk Jierboek 2008.

Noordmans skreau ein 1965 dat de Fryske beweging ‘sûnder mis in folle saekliker ynslach’ krigen hie: ‘Men soe ek sprekke kinne fan in “ûnt-mythologisearring” of “ûnt-romantisearring” fan de Biweging, as guon Biwegingslju net sa’n hekel oan dy wurden hiene. Dochs witte wy sa gau net in better wurd.’Jacob Noordmans, ‘Der komt – sulveren – muzyk yn Fryske Biweging en taelpolityk’, Leeuwarder Courant, 27 novimber 1965. Wat sokke wurden no krekt foar him betsjutten, wurdt út syn stik lykwols net dalik dúdlik. Noordmans seach fersaakliking, krekt nei’t de Fryske literatuer ien fan syn fûlste konflikten belibbe hie, in skeel dat er lykwols nét belûts yn syn oardiel. Hy sinjalearre bygelyks wol dat S.J. van der Molen in bydrage oan It Beaken skreaun hie, dêr’t út blike moast

dat alderlei saken, dy’t altiten as “Frysk-eigen” forsliten en bisongen binne, net sa Frysk binne as oannommen waerd. Diken en terpen binne it net, sealtektuorren net, tsjerken en pleatsen net, mounen ek net, en skippen allikemin.

Mar dat krekt Van der Molen, in bejeftige folkskultuerkenner, dy’t foar en yn de oarloch de Dútse kant keazen hie, him no opstelde as wie er in Fryske Roland Barthes, dat murk Noordmans nét op – it kin wêze om’t er tocht dat de lêzer sels wol fraachtekens sette soe by de ‘draai’ fan Van der Molen, it kin ek wêze om’t er de ûn­tmytologi­searring yn de Fryske literatuer sa stiltsjes mooglik ûntmaskerje woe as in opportunistysk stribjen.

Doe’t de tydskriftefuzy in lyts jier letter, begjin novimber 1966, definityf ôfbruts, kaam in tal skriuwers mei publike reaksjes wêryn’t de ûnt­mytologi­searjende ympuls fan De Jong feralgemienisearre en ferpolitisearre waard ta in rop om demokratisearring. Eks-Tsjerne-redakteur Jan Wybenga wie de earste dy’t publyklik reagearre op de mislearre fuzy fan 1966. ‘[Mar] nou wurdt nei sede en pliich bisocht de man dy’t de Fryske mandarinen op (net iens sa sterk) swevelsûr set hat, dea to forklearjen’, skreau er yn in ynstjoerd stik seis dagen letter.Jan Wybenga, ‘Tsjerne-trammelant’, Leeuwarder Courant, 15 novimber 1966; Friese Koerier, 16 novimber 1966. ‘Hwa makket by De Tsjerne no eins de tsjinst út?’ Syn antwurd: de ‘reginten’, op kosten fan ‘de mûglike oanwaechs út jongere fermiddens, dêr’t men dochs nei sa’n fusy op hoopje mei’. Yn de moannen dêrnei roerden har oer de kwesty ûnder mear Josse de Haan, Fokke Sierksma, Steven de Jong en Lolle Nauta, wylst Inne de Jong, Geart Jonkman en Douwe Tamminga ta it anty-Bauke kamp hearden.In oersjoch fan relevante publikaasjes: Jacob Noordmans, ‘”De jage Joad – Ahasveros – is ek yn ’65 noch aktuele saek’, Leeuwarder Courant, 19 maart 1965; Douwe Tamminga, ‘In spultsje fan bline Bauke’, De Tsjerne 20-4 (1965); Laurens ten Cate, ‘E.B.F.’, Friese Koerier, 20 april 1965; Lolle Nauta, ‘It bearen fan lilke Douwe’, De Tsjerne 20-7/8 (1965); Inne de Jong, ‘Fan âlde en nije mythen’, Leeuwarder Courant, 1 septimber 1965; Jan Wybenga, ‘Tsjerne-trammelant’, Leeuwarder Courant, 15 novimber 1966; Friese Koerier, 16 novimber 1966; Josse de Haan, ‘Tsjerne-tsjinjen?’, Leeuwarder Courant, 17 novimber 1966; Fokke Sierksma, ‘Mest in aarden vaten’, De Nieuwe Linie, 4 febrewaris 1967; Jacob Noordmans, ‘Mest en mythe’, Leeuwarder Courant, 9 febrewaris 1967; Douwe Tamminga, ‘Bevuilen van eigen nest’, De Nieuwe Linie, 11 febrewaris 1967; Laurens ten Cate, ‘Gebrek in het gesprek’, Friese Koerier, 18 febrewaris 1967; Fokke Sierksma, ‘Kabaal in Friese doofpot’, De Nieuwe Linie, 18 febrewaris 1967; Lolle Nauta, ‘Zuivering van eigen nest’, De Nieuwe Linie, 18 febrewaris 1967; Steven de Jong, ‘Mest en riolen’, Leeuwarder Courant, 20 febrewaris 1967; Douwe Tamminga, ‘De filosofen over u!’, Friese Koerier, 28 febrewaris 1967; Freark Dam, ‘Mei freonlike groetnis’, De Strikel (febrewaris 1967); Geart Jonkman, ‘Mist yn ierdske koppen’, De Strikel (febrewaris 1967); Lolle W. Nauta, ‘Geen gekonkel, wel kontakt’, Friese Koerier, 18 maart 1967; Douwe Tamminga, ‘Nei de stoarm’, De Tsjerne 22-3 (1967); Lolle Nauta, ‘Van der Ploeg en de feiten’, Trotwaer 1-1 (1969).

It konflikt, dat syn woartels hie yn de fyftiger jierren, draaide út op in nederlaach foar in konservativere, Frysk-nasjonale en dus útslutende ideology en literatueropfetting. De opgong fan in kritysk pluralisme makke de oergong fan De Tsjerne nei Trotwaer yn 1968 mooglik en risseltearre dêrneist yn in desersje fan partij âldere skriuwers nei it algemien-kulturele blêd De Strikel.

Popularisearring: Taalstriid

De twadde yndikaasje fan demokratisearring fan literatuer jout de popularisearring derfan. Alderearst yn it ramt fan de taalstriid. As ‘Taelwarder’ hat Douwe Tamminga it yn 1960 yn de Leeuwarder Courant oer de fraach oft it Frysk genôch oansjen winne kin om ‘hjir skielk, nêst it Ned., as folweardige kultuertael to fungearjen’.Leeuwarder Courant, 28 maaie 1960. Hy beskriuwt demokratisearring as de hope op in bettere takomst foar it Frysk, om’t har neist de boerestân, as tradisjonele taaldrager, oare sosjale groepen oantsjinje dy’t faaks foar de taalstriid wûn wurde kinne:

Nêst in frysktalige boerestân komt troch demokrati­searring en oare oarsaken in frysktalige stân fan yntellektuélen op, al is dy dan ek (noch) in minderheit. (..) Mar sille dy twa, boer en yntellektueel, elkoar yn in bewuste taelstriid en taelpolityk fine?Leeuwarder Courant, 28 maaie 1960.

Tamminga sette it D-wurd yn it perspektyf fan de taalstriid: it doel is taalbehâld. De net útsprutsen foarûnderstelling is dat de boerestân, de taaldrager, it Frysk langer net allinnich drage kin. Dêrom fynt er it spannend om te sjen hoe’t de opkommende ‘stân fan yntellektuélen’ him hâlde sil foar it Frysk oer. Demokratisearring wurdt belangryk fûn as in kâns foar partisipaasje fan mear minsken – in hegere sosjale klasse, de yntellektuelen – oan it sprutsen en skreaune Frysk. Achter it fraachteken (sille boer en yntellektueel inoar fine?) sit noed dat de demokratisearring, yn de foarm fan hieltyd mear en bettere tagong ta de nasjonale en ynternasjonale wrâld, mei tewei brocht troch de fersprieding fan nije kommunikaasjemiddels as de tillevyzje, just in averjochts effekt hawwe sil op Frysktalige kultuer, en dat dêrneffens te min yntellektuelen de pinne foar de Fryske taalstriid ynsette wolle sille.

Deputearre Pieter van der Mark sei yn febrewaris 1963 yn Provinsjale Steaten, parafrasearre yn ’e krante:

Dy kommunikaesjemiddels hawwe in pear opmerklike gefolgen: hja bringe it gefaer mei, dat it folk sa kritysk foar it eigene oer wurdt dat it allinne it frjemde foar kar nimt. Mar hja kinne ek in goed kritysk stânpunt oangeande ús eigen kultuer bifoarderje. Wy binne yn Fryslân wolris hwat al to gau foldien en romje gauris dêr’t it priizgjen net altiten lije kin. Wy moatte derom tinke, dat men samar net efter de mjukskroade wei in fers foardrage en fan de kweekskoalle yn in harkspul spylje kin!Leeuwarder Courant, 27 febrewaris 1963.

Wat Van der Mark yn feite úthold, wie dat demokratisearring (‘Dy kommunikaesjemiddels’) de Friezen konfrontearre mei in persipiearre ûntarikkendheid fan de eigen kultuer en derfoar soargje soe dat se dy kultuer de rêch tadraaiden (‘dat it allinne it frjemde foar kar nimt’). Dy ûntarikkendheid seach de sprekker as in feit (‘hwat al to gau foldien’). Nivoferheging moast komme fan oefening en ûnderwiis.

Wat dat ‘goed kritysk stânpunt’ oanbelange, waard de deputearre in jier letter op syn winken betsjinne troch Jo Smit mei syn skôging yn De Tsjerne oer it begryp ‘goede smaek’ as kritearium foar it beoardieljen fan literêre teksten.Jo Smit, ‘Goede smaek as kritearium’, De Tsjerne 19-9 (1964). Dat begryp makke in krisis troch, neffens Smit. De ‘lettré’, de kulturele minske, en syn elitêre smaak wiene troch de ‘fiergeande demokratisearring’ – bedoeld waard: popularisearring fan keunst mar ek fan kwasy-keunst – ûnmooglik makke. In gefolch wie dat nei oare metoaden socht wurde moast yn de wurdearring fan keunst. Smit fûn dy nije posysje yn in anty-boargerlike oriïntaasje op ‘minsklike wearden’ en sleat him oan by de bekende formule fan it Nederlânske literêre tydskrift Podium: humanisme mei hier op ’e tosken.Fokke Sierksma, yn it foaropwurd fan Podium 1-2 (1945), set it essee heech ‘dat evenzeer op politiek, sociaal als literair terrein den geest verdedigt tegen geest-loosheid, geest-pose en geest-drijverij. Wij willen dit gevecht verbeten voeren. Wil men ons humanisten noemen, het is ons goed. Als het dan maar een humanisme met haar op de tanden is.’> Fanwege de ferboargerliking fan de maatskippij koe it net mear ta mei ‘goede smaek’. Dy hie ôfdien: ‘hwat nou kritearium wêze moat kin inkeld wêze in gefoelichheit foar kunst, foar stilearring’.

Dêr’t Tamminga reagearre op it D-wurd út it perspektyf fan de taalstriid wei (wa sprekke der Frysk?), dêr die Smit dat dus út it perspektyf fan in keunstopfetting wei (hoe moat keunst beoardiele wurde?). De provinsjale oerheid reagearre op it D-wurd yn de geast fan Tamminga, dus neffens de easken fan taalbehâld. Yn 1965 stelde de provinsje foar it earst yn in aparte begrutting jild beskikber foar in Fryske taalpolityk. Ut definsive oerweagings: de taal moast genôch romte hâlde foar it Nederlânsk oer. De útstalling ‘Van schrijven tot lezen’ yn it Princessehof, by gelegenheid fan it 150-jierrich bestean fan de Vereniging ter Bevordering van de belangen des Boekhandels, liet sjen dat it boek trochkrongen wie yn brede lagen fan de befolking, ‘hetgeen’, sa sei Van der Mark by de iepening op 6 maaie 1965, ‘een democratisering betekende, waarvan wij de vruchten plukken’. Mar hy hie ek noed dat it Fryske boek derûnder strûpe soe:

Toch bekruipt ons de vrees of er in de moderne tijd wel mogelijkheden zijn voor uitgaven, die dienen tot versterking van deze kleine taalgemeenschap. De heer Van der Mark herinnerde zich de aanbieding van de Friese vertaling van de Bijbel, het Boek der Boeken zoals hij zei, dat het meest verkochte boek is en dat verlossing en genezing brengt.Leeuwarder Courant, 7 maaie 1965.

Frysktalige útjeften waarden troch de provinsje yn it foarste plak besjoen as middels ‘tot versterking van deze kleine taalgemeenschap’, dy’t bedrige waard en troch de deputearre sels as bringers fan ‘verlossing en genezing’.

It byld is dan dúdlik. Demokratisearring waard fan de kant fan de politike en de symboalyske macht op it foarste plak sjoen as in bedriging foar it Frysk, sadat men der fan de weromstuit noch mar it bêste fan meitsje woe troch eigenwearde, tradysje, taalbesef en hoop op mear yntellektuelen te ponearjen. Mar skriuwer Jo Smit koe der net omhinne dat de ‘homme lettré’ sa njonkelytsen mei in loerizer socht wurde moast. Foar him kamen der nije kânsen foar minsklikheid, fia de demokratisearring fan keunst, foar werom. De ‘gefoelichheit foar kunst, foar stilearring’ dêr’t Smit it oer hat, basearre him op de heal-etysk, heal-autonome keunstopfetting dat keunst de minsklikheid befoarderet, los fan tafallige en tydlike politike (of taal- en kultuerbefoarderjende) idealen en los fan in rike heit en mem ja of nee.

Popularisearring: Fergrutsjen fan it publyk foar keunst

In twadde aspekt fan de popularisearring wie de winsk om it publyk foar Fryske literatuer as keunst te fergrutsjen. Dêrta binne yn 1967-1968 ûnderskate popularisearrings- en keunst­ferbreedzjende inisjativen naam. Wiisd kin wurde op ûnder mear, op ’e nij, it jongereinnûmer fan De Tsjerne fan novimber 1967, it dichtersfestival yn de Harmonie yn Ljouwert fan oktober 1967, de oprjochting fan it literêr-politike blêd A-wyt yn maaie 1967, it út ein setten fan Operaesje Fers yn febrewaris 1968 en de publikaasje fan de dichtbondel Broadtsje healom / broodje halfom yn novimber 1968.

A-wyt – dat mar twa jier bestien hat – sette út ein as in gearwurking fan Fryske skriuwers mei de groep ‘New Left’ út Ljouwert (ûnder mear Tom Hageman, Evert Duintjer Tebbens, Dick de Graaf). It idee kaam by Sixma van Heemstra wei. Sintraal stie by A-wyt de homo ludens, de boartsjend-kreative minske, dy’t set waard foar de ‘vegatieve’ minske oer.Tom S. Hageman, ‘Provoceren is een paardemiddel om ideeën te verkopen’, Friese Koerier, 14 jannewaris 1967. Dat âlde idee fan Johan Huizinga waard yn it begjin fan de sechstiger jierren propagearre troch Constant Nieuwenhuis mei syn New Babylon-projekt, omearme troch provo’s as Roel van Duyn en Robert Jasper Grootveld en nei foarren brocht troch Joseph Beuys (‘everybody is an artist’) op Dokumenta 5 yn Kassel yn 1972. Mar yn de Fryske literatuer is der nei in pear nûmers A-wyt net folle mear fan werom te finen.Eins inkeld by Josse de Haan. Sjoch bygelyks syn ‘Poëzijlaboratoria’, Trotwaer 1-6 (1969) s. 205-211. In sitaat: ‘Poëzij is it hantearjen fan de skjirre en de lympot. Ynspiraesje? De pot op. Metrum, rym, byldspraek? Koekjebakkerij. De kattepûl bringt de spontaneïteit deryn. Jow elts minske in kattepûl (fersepûl) en skjirre mei lympot, en de fersen fleane de wrâld yn.’ (s. 206).

Wer in oare groep, om de yn Amsterdam studearjende Pier Boorsma (1944) en Pieter de Groot(1946) hinne, naam it op him en organisearje in Frysk-Nederlânsk dichtersfestival yn de Harmony yn Ljouwert, op 7 oktober 1967. It festival, by gelegenheid fan it sânde lustrum fan de Amsterdamske studinteferiening Cygnus Resurgens, is te beskôgjen as in moedich protest tsjin de marzjinalisearring fan poëzij en wie in grut súkses: der kamen hast tûzen besikers op ôf en fernijingsfeteraan Steven de Jong hold de eare fan de engazjearre Fryske poëzij heech.Friese Koerier, 9 oktober 1967. Steven de Jong hie ‘protestsongachtige, navrante anti-oorlogsverzen, die het best deden’ (twatalich ferslach, Frysk en Nederlânsk trochinoar hinne). Boorsma seach it festival sa, ‘dat dit foar de Fryske dichters in kâns wie om foar in great publyk to kommen’.Friese Koerier, 9 oktober 1967.

It besykjen ta popularisearring fan Fryske literatuer siet ek achter ien fan de nijsgjirrichste inisjativen, Operaesje Fers: de gedichtetillefoan. Dy wie, lykas A-wyt, in idee fan Sixma van Heemstra, dêr’t er Josse de Haan, Geart van der Zwaag (1924) en Meindert Bylsma waarm foar krige as redaksjeleden. De tillefoan gie los yn febrewaris 1968; yn de earste fjouwer dagen wiene der mear as twatûzen bellers.Leeuwarder Courant, 21 febrewaris 1968. Der hat ek in skoft in line west mei Nederlânsktalige poëzij. Letter dat jier brochten Josse de Haan, Reinder van der Leest, Meindert Bylsma en Remco Heite (1946) ek noch de dichtbondel Broadtsje healom/Broodje halfom: ‘fretgedichten’, om te lêzen en wei te smiten. Folle iepener foar in grutter publyk koe poëzij net wêze, seach ek Noordmans:

Dit is moderne, mar net min tagonklike poëzij. It is net skreaun foar it biheinde rountsje, it lytse élite-ploechje. It bringt maklik kommunikaesje ta stân tusken dichter en lêzer. It wurdt oanbean as konsumpsjeartikel, as deistich brea omt de minske by brea allinne net libje kin, op ’e merke fan it libben. Faeks kin de poëzij, dy’t sa op strjitte oan de man brocht wurdt, it noch hâlde tsjin de massa-kommunikaesje-middels, dy’t de minsken deaslane mei wurden en boadskippen.Leeuwarder Courant, 30 novimber 1968.

Noordmans assosjearre modern mei min tagonklik en elitêr; dizze poëzij wie neffens him modern én tagonklik en koe miskien wol sa populêr wurde as, dêr binne se wer, de desastreuze ‘massa-kommunikaesje-middels’. It moat ien fan Noordmans’ meast optimistyske stikken oer Fryske literatuer west hawwe.

Namste mear falt op hoe’n bytsje de moderne Fryske literatuer feitlik bewurkmasterje koe op it mêd fan it fergrutsjen fan syn publyksberik. De broadsjebondel ferkocht nettsjinsteande yntinsive sutelaktiviteiten fan de redaksje, ûnder mear op it Boekebal fan 1968, net mear as in fjouwerhûndert stiks yn in jier tiid en de spraakmeitsjende rol fan de gedichtetillefoan wie nei in pear jier útwurke. Josse de Haan koe letter net oars as úthâlde dat Operaesje Fers syn wurk wól dien hie: ‘Ik leau, dat wy tige belangstelling foar poëzij kweekt hawwe’, sei er yn 1969Leeuwarder Courant, 17 septimber 1969., om him yn 1970 derta te beheinen, Operaesje Fers hie ‘in soarte fan mentaliteitsforoaring oanbrocht (..), sawol by de kûnstners as by it publyk’, of alteast (en no definityf op de weromtocht): ‘Yn elts gefal hat de telepoëzij der foar soarge dat bûten Fryslân binammen by jongerein it nou gewoan foun wurdt dat der ek yn it Frysk fersen skreaun wurde’.Josse de Haan, ‘De 50 fan de slach by Warns’ (twa jier ‘operaesje fers’ en noch hwat)’, Trotwaer 2-2 (1970).

De oplage fan it nije Trotwaer (sa’n 400 stiks) bleau fier ûnder dy fan De Tsjerne yn syn heechtijdagen (sa’n 700 stiks). By it populêrdere, algemien-kulturele blêd De Strikel wie it net oars, dêr namen de abonneetallen ôf fan 1536 yn 1964 nei 935 yn 1972.Leeuwarder Courant, 22 jannewaris 1972. Guon wiisden by dat alles mei de finger nei de provinsjale oerheid en syn behâldende kultuerbelied, dat de nijlichters nei harren idee net genôch en net de goede stipe joech of sels tsjinwurke: ‘Operaesje Fers hat it kranksinnige subsydzjebelied oan ’e oarder steld, en tagelyk pleite foar de demokratisearring fan de kultuer yn syn gehiel.’Leeuwarder Courant.

demokratisearring

Mar ek die bliken dat it type Fryske literatuer dêr’t de fernijers har no al sa’n tweintich jier lang tsjin ôfsetten, benammen de folksaardige skriuwerij, mei syn tradisjonele útbyldingen fan plattelânslibben en Frysk-wêzen, wól in grutter (en âlder) publyk fêsthâlde koe. Trinus Riemersma (1938-2011), de Gysbert Japicxpriiswinner fan 1967 en de belangrykste modernistysk proazaïst, koe sa folks en duvels net skriuwe of hy rûn dêr yn syn lettere wurk ek tsjin oan. Dêr’t bygelyks de Nederlânske toanielwrâld nei 1969 skoksgewiis modernisearre waard nei oanlieding fan de Aksje Tomaat, dêr’t guon Fryske skriuwers har oan besibbe fielden,Friduwih Riemersma, ‘Tiids tosk fersus ikonoklasme’, yn: Alde meuk? Essays oer klassikers yn de Fryske literatuer (HotSum/Contrabas, Ljouwert/Utert 2014) noat 14, s. 68. dêr wie de romte foar Fryske literêre fernijers folle lytser om programmatyske ynfloed út te oefenjen. Oer Aksje Tomaat wie yn 1967 oars net ien stik yn de Leeuwarder Courant of de Friese Koerier te lêzen.

Doe’t yn 1971 Paulus Akkerman, in beheinde ferteller sûnder folle literêre aspiraasjes, de Gysbert Japicxpriis takend krige, wie it de literatuerfernijers wol dúdlik. Serieuze Fryske literatuer, literatuer as keunst, mocht dan de bewegingsideology achter him litten hawwe, of dat alteast miene, mar sawol syn symboalysk kapitaal as syn basis ûnder de befolking bleaune smel en wif. De skôging fan Riemersma oer it priiswinnende boek fan Akkerman yn Trotwaer is ien fan syn fûlste en grimmitichste stikken:

De literator hat op dit stuit net wetich en souverein to glimkjen om it domme folk; dat domme folk hat de rollen omkeard en gniist de literatuer mei de literator ûnderstboppest.Trinus Riemersma, ‘Gysbert op It Skiermuontseach’, Trotwaer 3-2 (1971) s. 2.

Ynspraak/partisipaasje

Mei de oprjochting fan ûnder mear de Fryske Akademy (1938), it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasje­sintrum (1959), de Fryske Kultuerried (1961), de Frysk Nasjonale Partij (1963), It Skriuwersboun (1969), de Koperative Utjowerij (1969) en de Sutelaksje (1972) waard it Fryske literêre fjild benammen yn de sechstiger jierren belangryk útwreide. Dy profesjonearrings- en partisipaasjeslach smiet mear minderheidstalige kânsen op, mar ek nij konfliktmateriaal dêr’t troch skriuwers, dy’t meiprate en meibeslisse woene, oer harsensskrabe wurde koe.

De algemien-politike kultuer yn Nederlân, en dus ek yn Fryslân, waard troch jongere, krityske skriuwers as regintesk ûnderfûn. Polityk, skreau Trinus Riemersma synysk yn 1967, ‘is in saek fan eksperts, in yngewikkeld bidriuw dêr’t de gewoane man gjin meisizzenskip yn hawwe kin. Oan it geëamel oer moréle wearden, rjochten fan ’e minsk ensafuorthinne kin men trouwens al merkbite hoe ûnnoazel de man yn ’e strjitte praet’.Trinus Riemersma, ‘Heil Johnson!’, De Tsjerne 22-9 (1967) s. 339. En dat, wylst de demokratyske Fryske doarpsminske wat oars wend wie, yn alle ferieningen dêr’t er lid fan wie, ‘forienings fan elts gelove ien / oh doarp sa siik oan demokraty’, sa’t Steven van der Meer dichte.Steven van der Meer, ‘Dit doarp’, De Tsjerne 23-5 (1968) s. 210.

Jacob Noordmans hold de demokratisearders lykwols in spegel foar doe’t de redaksje fan De Tsjerne ein 1968 gjin nije redaksjeleden fine koe en de takomst fan it blêd op it spul kaam te stean. Noordmans woe hawwe, de lêzers soene ynfloed útoefenje kinne op de gearstalling fan de redaksje. ‘Soks is ek neffens de nijste idéen fan ynspraek en meisizzenskip op kultureel mêd.’Jacob Noordmans, ‘Tsjerne, mei twa man, op twasprong’, Leeuwarder Courant, 5 oktober 1968. Foar de oergong fan De Tsjerne nei Trotwaer, sjoch Jacob Noordmans, ‘Fryske taelwil en Fryske taelwille tusken Tsjerne-swart en A-Wyt’, Leeuwarder Courant, 9 novimber 1968. Dêr hat lykwols noait sprake fan west. En ek de redaksje fan Trotwaer bedarre pas begjin 1970 yn rêstiger farwetter. Trotwaer seach himsels as in demokratysk, iepen, kritysk tydskrift, mar neffens Tjitte Piebenga bestie de redaksje út ‘hannelers yn Literatuer’ en luts dy him fan ‘oarmans ynspraek gjin grevel oan’.Tjitte Piebenga, ‘Trariteitenkabinet fan “Trotwaer”’, Leeuwarder Courant, 5 maart 1970.

Feit is dat it blêd oanstie op demokratisearring fan it kultuerbelied, dat wol hjir sizze: op ynspraak fan skriuwers yn it kultuerbelied. Foarbylden jout it stik ‘Literatuer en beweging’ fan redaksjelid Geart van der Zwaag, dy’t dêryn ûnder mear kaam op it stik fan de ôfwizing sûnder útlis troch sawol it Prins Bernhard Fonds as it ministearje fan CRM fan subsydzje-oanfragen fan Operaesje Fers en op it bûtendoarren hâlden fan de ynbring fan skriuwers troch it doe krekt oprjochte FLMD:

It subsydzje-belied by de oerheitsynstellingen moat mei gauwens demokratisearre. De prosedueres fan oanfreegjen en bislút moatte oardere en foroardere. De subsydzjenoarmen moatte dêrby fêststeld en bikend makke wurde. De motiven fan ta- en ôfwizing moatte bikend makke wurde. De adviseurs moatte ek fan ûnderen op bineamd wurde. De forslachjowing moat sa iepen wêze, as ’t kin.Geart van der Zwaag, ‘Literatuer en beweging’, Trotwaer 2-2 (1970) s. 18.

Om 1970 hinne wie der dúdlik eigen ynbring fan skriuwers. De winsk ta ynspraak evoluearre dêrby ta in winsk ta partisipaasje: men woe behalve ynspraak ek foaral ynbring hawwe, sa’t Trinus Riemersma skreau.Trinus Riemersma, ‘Leaver ynbring as ynspraek’, Trotwaer 2-2 (1970) s. 85-87. ‘Trije skriuwers wolle koöperative útjouwerij’, kopte de Leeuwarder Courant op 19 septimber 1969. Trinus Riemersma, Teije Brattinga en Geart van der Zwaag hienen in brief omstjoerd mei harren plan:

Wy hawwe mekoar foun yn it stânpunt, dat it ultimatum fan de útjowers de net-soune sitewaesje yn ’e Fryske útjowerij op ’e nij oan it ljocht bringt. Elkenien mei hwat ús oanbilanget ynspraek hawwe en meidwaen oan ’e koöperaasje. Wy wolle neat mear wêze as inisjatyfnimmers.

It idee wie dat in koöperative útjouwerij, dêr’t dielnimmende skriuwers in oanpart yn keapje koene, net neist mar yn it plak fan de besteande útjouwerijen komme soe, faaks ûnder lieding fan de doe ek krekt oprjochte fakbûnsorganisaasje It Skriuwersboun. De oanlieding wie de driging fan útjouwers om gjin Fryske boeken mear út te jaan as in foarnommen staveringswiziging trochfierd wurde soe. Fan meipraters waarden skriuwers ‘meiwurkers’, sa’t KU-skriuwer Reinder van der Leest skreau:

It is moai as de arbeiders ynspraek yn it produksjeproses krije, mar it fabryk moat wol trochdraeije. As de jongeren oer Fryske romans meiprate wolle, sille se sels meihelpe moatte dat dy der komme. It útstjerrend laech fan Fryske romanskriuwers moat ynjeksjes ha. Net fan meipraters, mar fan meiwurkers. Ik bin it mei Riemersma iens: earst sels goede romans skriuwe, oars de bek der oer hâlde.R.R. van der Leest, ‘Twa forwiten’, Leeuwarder Courant, 24 septimber 1970.

De Koperative Utjowerij (KU) hat pas yn 2007 belies jûn. Hjoeddeisk partisipaasjestribjen by skriuwers is swak en seldsum, ôf te lêzen oan de net-besteande ynbring fan ‘it fjild’ yn it literatuerbefoarderingsbelied fan Tresoar.

Konklúzjes;

Under ynfloed fan ûntmytologisearring, popularisearring en de eask fan mear ynspraak en partisipaasje, de trije oanjeiers fan demokratisearring, hawwe de konflikten yn it Frysk-literêre fjild yn de sechstiger jierren nije, heftiger aksinten krigen op de grins fan in patriarchale kultuer- en taalpolityk en it stribjen nei literêre autonomy. De opmars fan it D-wurd hat laat ta in aktivere taalpolityk fan de kant fan de provinsje, mar ek ta in nije besinning op keunst en polityk fan de kant fan partij skriuwers, gear te fetsjen as in besykjen om it diskoers fan literatuer as keunst ideologysk los te brekken út, en te setten neist en foaroer, it dominante diskoers fan taalbefoardering, Beweging en Frysk-nasjonale myte.

De ‘affêre Bauke de Jong’ wie in belangryk besykjen ta ûntmytologisearring, benammen doe’t dy him ferbûn mei de praktyske fraach nei de takomst fan De Tsjerne as ynstitút. De útlittingen fan De Jong oer Folkertsma en Piebenga, en yn mindere mjitte de eardere úthalen fan Lolle Nauta, binne te beskôgjen as dieden fan profanaasje, rjochte tsjin in fêstige mytology en hiërargy, wêryn’t it hearskjende diskoers radikaal yn twifel lutsen wurdt:

A profanation is an act of violating sacred things, showing disrespect, or exhibiting irreverent behavior towards beliefs taken to be honorable and above question. Profanation is also making common and accessible that which was previously understood as beyond questioning.Theresa Richardson, ‘The Rise of Youth Counter Culture after World War II and the Popularization of Historical Knowledge: Then and Now’. Paper Presented at the Historical Society 2012 Annual Meeting ‘Popularizing Historical Knowledge: Practice, Prospects, and Perils’, Columbia, South Carolina, May 31st – June 2nd, s. 4.

De ûnthilligers wiene gjin jongerein of babyboomers dy’t net wachtsje koene om mei te dwaan en as skriuwers serieus nommen te wurden. It wiene de (sekularisearre) âlderen Bauke de Jong, Jan Wybenga, Jo Smit, Fokke Sierksma en Lolle Nauta, dy’t ûnderskate achtergrûnen hiene en net ien generaasje foarmen. De âldsten wiene fan 1917, de jongste fan 1931. Heslinga (2008) beskriuwt it konflikt yn it ferlingde fan literêre botsingen yn de fyftiger jierren en yn neifolging fan Bourdieu as it ferset fan in avant-garde – ‘de nieuwste literaire generatie in het veld’ – tsjin in ‘geconsacreerde generaasje’. Sa’n literêre ‘generaasje fan de macht’ is yndie dúdlik te werkennen yn de sechstiger jierren. Yn de affêre sa’t dy oantemei maart 1967 spile, liket it my lykwols dreech om yn de kritisy fan De Tsjerne mear te sjen as in tal al lang fêstige auteurs dy’t net nij yn it fjild wiene en dy’t út ûnderskate posysjes wei reagearren. In generaasje wie it ek net. It is dêrneist neffens Bürger (1974) ûnmooglik om nei de tweintiger jierren noch fan in avant-garde te sprekken: nei de radikale breuk mei it estetisisme troch de histoaryske avant-garde, kinne neffens him inkeld noch post-avant-gardistyske, de avant-garde imitearjende, swakkere aksjes tsjin boargerlike en hearskjende keunstopfettingen ynbrocht wurde.

Leaver sjoch ik it rumoer fan 1965-1967 dêrom as in skerpe diskusje tusken twa ûnderskate Fryske ideologyen, dy’t ta sa’n petear oanmoedige waarden troch harren diglosse dynamyk yn kombinaasje mei in radikale demokratisearring fan de kultuer en in werskikken fan posysjes en belangen. De ûntmytologisearringsoperaasje fan it modernisme liet him net inkeld werkenne as in oanfal op taalgebrûk, mar ek as in oanfal op in spesifike Fryske ideology wêryn’t folk, mienskip, skiednis, it Frysk, beweging en it protestantsk-kristlike leauwe in koalysje oangien wiene. It al langer besteande konflikt tusken de fêstige taalstriid-ideologySjoch foar it ideologybegryp Lieuwe Pietersen, De Friezen en hun taal. Een onderzoek naar de lees- en spreekgewoonten in Friesland en naar de houding ten aanzien van het Fries (Laverman, Drachten 1969) s. 89-113., yn de literatuer droegen troch in âldere, ‘geconsacreerde generatie’ (dêr’t net inkeld Tamminga, Schurer, Piebenga en Folkertsma ta hearden, mar ek Freark Dam, Ype Poortinga en Klaas de Vries) en in opkommende keunstideology, droegen troch ûnderskate, troch de histoaryske avant-garde oantstutsen, jongere en âldere skriuwers, is ek wol beskreaun as in botsing fan wrâldbylden.Babs Gezelle Meerburg, ‘”De binding verbroken”. Van 1945 tot eind jaren zestig’, yn: Teake Oppewal e.o., red., Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Bert Bakker, Amsterdam 2006) s. 151: ‘Een oud wereldbeeld maakte plaats voor een met moderne normen en waarden.’

Van Dijk (1998) definiearret ideologyen as ‘political or social systems of ideas, values or prescriptions of groups or other collectivities’, mei de ‘function of organizing or legitimating the actions of the group’.Teun van Dijk, Ideology. A multidisciplinary approach (Londen: SAGE Publications, 2008) s. 3. Dy organisearjende en legitimearjende ideologyske funksje is werom te kennen yn de kampfoarming binnen it literêre debat. Dat yn de koarte perioade tusken novimber 1966 en ein 1967 mear as tweintich opinystikken oer de De Jong-Folkertsma-Tsjerne-affêre publisearre waarden, wiist dy kant ek út. Yn in demokrasy bekonkurrearje ideologyen inoar yn in striid fan yndividuen en belangegroepen om publisiteit, macht en ynfloed, ûnder mear foar it loket fan de oerheid, dy’t tagelyk, as burokratysk apparaat, ek sels ideologyske posysjes ynnimt. It wie yn dat ramt dat, nei de kontroversiële romans fan Anne Wadman (De smearlappen, 1963), Trinus Riemersma (Fabryk, 1964) en Homme Eernstma [Feije Sixma van Heemstra] (Leafdedea, 1964), Bauke de Jong yn 1965 mei in essay de krityske fakkel fan de keunst oernaam.

Fan 1967 ôf hat in jongere generaasje Fryske skriuwers, út it kohort dalik fóar de babyboomers, wurk makke fan it ûntmytologisearjen en popularisearjen fan literatuer. Bliken hat dien dat it Fryske lêzerspublyk relatyf âld wieSjoch Lieuwe Pietersen, De Friezen en hun taal. Een onderzoek naar de lees- en spreekgewoonten in Friesland en naar de houding ten aanzien van het Fries (Laverman, Drachten 1969) s. 18. en net yn mearderheid wûn wurde koe foar de eksperiminten fan de jongerein of in literatuer dy’t mear wêze woe as it bewende tekstuele fermeits. Pietersen (1969) lit sjen dat fan de lêzersgroep 15 oantemei 17 jier mar 33 persint wolris in Frysk boek lies, wylst dat persintaazje by 60 jier en âlder op 71 lei. Soks hie gefolgen foar de wurdearring fan ûnderskate soarten âlde en nije literatuer, konkreet: it wiisde in oarsaak oan fan de tradisjonele ‘smaak’ fan it publyk. Eksperiminteel dichter Reinder van der Leest sei by syn (tydlike) ôfskied fan de Fryske literatuer yn 1972: ‘Ik ha neat murken fan in mentaliteitsforoaring.’Leo Popma, ‘Petear mei R.R. van der Leest’, Trotwaer 4-3 (1972).

Dat der yn de Fryske literatuer relatyf sa’n bytsje omtinken west hat foar de ‘bottom-up’-dielname oan keunst hat, kin te krijen hawwe mei de klam yn it kultuerbelied; dy lei te uzes net op keunstpartisipaasje mar op taalûntwikkeling, ek al kin men net sizze dat dat taalbelied sa súksesfol wie. Keunst hat sûnt de sechstiger jierren wol hieltyd mear plak ynromje moatten foar ‘creatieve vorming voor en door het volk’, dus foar it stypjen fan leechdrompelige kulturele aktiviteiten mei it leafst in grut publyksberik. De Fryske literatuer as keunst, mei syn beheinde skriuwers- en lêzersrûnten, hat yn dat klimaat en mei in oerheid dy’t bang is om foar elitêr fersliten te wurden, in soad terrein priisjûn, ôf te lêzen oan benammen de dalende trend yn oplages fan Frysktalige literêre boeken en literêre tydskriften, dy’t yn it midden fan de sechstiger jierren ynsette. Friduwih Riemersma beskriuwt de berte fan de Koperative Utjowerij fandatoangeande as in besykjen om noch in spylfjild foar Frysktalige keunst te behâlden.Foaropwurd Fers2 2-12 (12 juny 2016).

Yn de beheinde popularisearring fan Frysktalige keunst hat ek meispile dat spilers út de grutte babyboomgeneraasje pas nei 1970 yn it Frysk-literêre fjild ferskynden; de oarlochsgeneraasje, dy’t him yn neifolging fan âldere liedslju yn de sechstiger jierren as keunstprodusint oppenearre, wie in stik minder manmachtich. Achter dat lette debutearjen fan skriuwers lei de lege status fan de taal en it dêrmei korrespondearjende minne ûnderwiis yn it Frysk, wat sawol de babyboomfiver om skriuwers en lêzers út op te fiskjen as de mooglikheden fan de demokratisearring oan de basis – ‘elkenien is in keunstner’ – lyts hold. De Frysktalige kultuer hat fan gefolgen ûnderprofitearre fan de neioarlochske befolkingsgroei en syn byhearrende kulturele ympulsen: mar 11 persint fan de Frysktaligen koe de taal skriuwe, krekt wat mear as de helte op nivo lêze,Lieuwe Pietersen, De Friezen en hun taal. Een onderzoek naar de lees- en spreekgewoonten in Friesland en naar de houding ten aanzien van het Fries (Laverman, Drachten 1969)s. 45, 64. wat it tal potinsjele dielnimmers tige beheind makke. Yn sa’n treasteleaze sitewaasje keas skriuw- en lêstalint faak foar it Nederlânsk.

Mei oare wurden: de demokratisearring yn de Fryske literatuer fan de Sixties & Seventies is foar in belangryk part mislearre. Dat lei net oan achterbliuwend provinsjalisme of Frysk sjauvinisme, sa’t de literatuerfernijers tochtenBygelyks Lolle Nauta, yn syn ynlieding fan Stasjonearre yn Fryslân. Essays, besprekken en polemiken (Fryske Akademy, Ljouwert 1999), dy’t de literêre konflikten taskriuwt oan in botsing tusken Gemeinschafts- en Gesellschaftstinken mar dêrby ferjit dat ek de Fryske literatuerfernijers grutte wearde hechten oan de eigen taal en dus ek oan it bestean fan in taalmienskip., mar oan de politike akseptaasje fan Frysk analfabetisme. Pas de tanimmende digitaliteit fan de Fryske literatuer, tritich jier letter nei de ieuwiksel ynset mei de ynternetferskiningen fan de blêden Kistwurk (2000-2002) en Farsk (2003-2008) en mei it ferskinen fan de literêre blogs, hat nije mooglikheden jûn foar in fierdergeande demokratisearring. Net inkeld yn de kultuerkonsumpsje, ek yn kultuerproduksje. In kontemporên pynpunt is lykwols dat de nije mooglikheden foar Frysktalige literêre uteringen ferskine yn in tiid dat hieltyd minder minsken gebrûk meitsje fan Frysktalige uteringen, dy’t boppedat hieltyd ûngrammatikaler, iendiminsjonaler of kultuerkommersjeler wurde – in ûntjouwing dêr’t KH2018 de meast resinte befêstiging fan sjen lit.

Miskien is ‘a kind of equality’, dat krúsjale ûnderdiel fan elke demokrasy neffens partisipaasjedefinysjes, technysk mooglik wurden. Mar de fraach yn Fryslân is oft dy gelykheid, dat demokratyske ideaal, noch wol sosjaal en polityk realisearre wurde kin. Of te lêzen oan de marzjinalisearring fan syn literatuer kin (mei) der fan in foarm fan gelykheid foar it Frysk en dus foar de Frysksprekker gjin sprake wêze – mar fan in taalideologysk bewustwêzen dat sterker wurdt neigeraden de taal mear oantaaste of bedrige wurdt,Ien fan de konklúzjes yn Lieuwe Pietersen, De Friezen en hun taal. Een onderzoek naar de lees- en spreekgewoonten in Friesland en naar de houding ten aanzien van het Fries (Laverman, Drachten 1969)s. 133. is likegoed net folle te bespeuren. In nije stratezjy ferget 1) it op ’e nij trochtinken fan it belang fan demokratisearring foar taal en keunst; 2) it mobilisearjen fan it symboalyske kapitaal fan de universele minskerjochten, en 3) it útdragen fan it idee dat de Taalwet en de ûnderwiissitewaasje fan it Frysk in skeining fan rjochten legitimearje ynstee fan rjochten garandearje.Foaropwurd ‘Kultuerferlies VI: de wet fan de pommeranten, of: Wêrom’t se de Wet gebrûk Fryske taal net op de frije merk oanbeane’, Fers2, 17 april 2016. Web, 2 maaie 2016; Foaropwurd ‘Kultuerferlies VII: Wêrom’t wy net dogge wat wol moatte’, Fers2, 1 maaie 2016. Web, 2 maaie 2016.

Noaten

  1. Tom Christiano, ‘Democracy’, yn: Edward N. Zalta, red., Stanford Encyclopedia of Philosophy (Spring 2015 Edition). <http://plato.stanford.edu/archives/spr2015/entries/democracy/> Krigen 25 maaie 2016.
  2. Tom Christiano, ‘Democracy’, yn: Edward N. Zalta, red., Stanford Encyclopedia of Philosophy (Spring 2015 Edition). <http://plato.stanford.edu/archives/spr2015/entries/democracy/> Krigen 25 maaie 2016.
  3. Pierre Mouliner, ‘La dimension territoriale de la démocratisation culturelle’, yn: Comité d’histoire du ministère de la Culture et de la Communication, Centre d’histoire de Sciences-Po Paris, La démocratisation culturelle au fil de l’histoire contemporaine, Paris, 2012-2014 <http://chmcc.hypotheses.org/389>. Krigen 8 juny 2016.
  4. Kees Schuyt, ‘Sociaal-culturele golfbewegingen in de twintigste eeuw’, yn: Ibid., Steunberen van de samenleving. Sociologische essays (Amsterdam University Press, Amsterdam 2006) s. 27-28: ‘Na de Tweede Wereldoorlog brak een periode aan van de “bevrijdingspolitiek”. Eerst ging het om een kalm maar vastberaden en sterk herstel van de democratie in de jaren vijftig, daarna ontstonden radicalere vormen van democratisering in de jaren zestig en zeventig. In het politieke denken vanaf de jaren tachtig vond vervolgens de herontdekking van de markt plaats, gepaard met kritiek op de “te ver doorgeschoten” democratisering.’
  5. Kees Schuyt, ’Naar de vermenselijking van de samenlevingsorganisatie’, yn: Kees Schuyt, Steunberen van de samenleving. Sociologische essays (Amsterdam University Press, Amsterdam 2006) (2006), s. 11-12.
  6. Richard E. Palmer, Hermeneutics. Interpretation theory in Schleiermacher, Dilthey, Heidegger and Gadamer (Northwestern University Press, Evanston 1969) s. 31.
  7. Gordon E. Slethaugh, ‘Demythologizing’, yn: I.R. Makaryk, ed., Encyclopedia of Contemporary Literary Theory: Approaches, Scholars, Terms (Toronto University Press, Toronto 1993) s. 529-530.
  8. Paul Luttik, ‘Realiteit in de beeldende kunst van de jaren ‘60’, yn: W.A.L. Beeren, red., Actie, werkelijkheid en fictie in de kunst van de jaren ’60 in Nederland (Museum Boymans van Beuningen, Rotterdam 1979) s. 150.
  9. Jo Smit, ‘Oer eksperimintele poëzij’, De Tsjerne 14-1 (1959) s. 22.
  10. Ype Poortinga, Jo Smit en Klaas de Wit, ‘Trijelûd út it wetterlân’, De Tsjerne 18-11 (1963).
  11. Ype Poortinga, Jo Smit en Klaas de Wit, ‘Trijelûd út it wetterlân’, De Tsjerne 18-11 (1963), s. 414-415.
  12. Fedde Schurer, ‘Warnen’, Friese Koerier, 5 jannewaris 1957.
  13. P.C.J.A. Boeles, Friesland tot de elfde eeuw. Zijn voor- en vroege geschiedenis (M. Nijhoff, Den Haag 1951).
  14. Fedde Schurer, ‘Fan Bernlef oant Tetman’, De Tsjerne 12-11 (1957) s. 348.
  15. Jacob Noordmans, ‘Fryske tydskriften’, Leeuwarder Courant, 23 novimber 1957.
  16. Lolle Nauta, ‘De Fryske literatuer as export-artikel’, De Tsjerne 15-3 (1960) 94-95. Hy hat it dêr oer it artikel ‘Aandacht voor de Friese letterkunde’, NRC, 20 febrewaris 1960.
  17. Sjoch Abe de Vries, ‘De spikerbrits fan Tsjirkje. Jan Wybenga en de Twadde Wrâldoarloch’, Fers2, yn ûnderskate ôfleveringen publisearre yn 2015.
  18. Lolle Nauta, ‘De Fryske literatuer as export-artikel&rquo;, De Tsjerne 15-3 (1960) 94-95, s. 95.
  19. Eeltsje Boates Folkertsma, ‘Bier en barmhertichheit’, De Tsjerne 15-3, 15-4, 15-5 en 15-6 (1960).
  20. Lolle Nauta, ‘Posthume eare oan J.J. Slauerhoff’, De Tsjerne 17-3 (1962) s. 90, oer Herman van den Bergh, Schip achter het boegbeeld (L.J.C. Boucher, Den Haag 1958).
  21. Lolle Nauta, ‘Posthume eare oan J.J. Slauerhoff’, De Tsjerne 17-3 (1962) s. 95.
  22. Bauke de Jong, ‘E.B. Folkertsma, ús bêste tsjerkeblêdtsje-essayist grif; of: de doarpsidioat as essayist’, Asyl 2-1965, s. 54-55.
  23. Under mear E. Folkertsma, ‘De jage Joad’, De stim fen Fryslân, nû. 570 (30 desimber1938).
  24. Bauke de Jong, ‘Besprek Aarden vaten, Radio Omroep Noord (RONO), 28 juny 1966.
  25. Abe de Vries, ‘”Ik stean der noch fan te triljen op myn fuotten”. Bauke de Jong, of de byldestoarm nei it ferlies fan God’, Farsk Jierboek 2008.
  26. Jacob Noordmans, ‘Der komt – sulveren – muzyk yn Fryske Biweging en taelpolityk’, Leeuwarder Courant, 27 novimber 1965.
  27. Jan Wybenga, ‘Tsjerne-trammelant’, Leeuwarder Courant, 15 novimber 1966; Friese Koerier, 16 novimber 1966.
  28. In oersjoch fan relevante publikaasjes: Jacob Noordmans, ‘”De jage Joad – Ahasveros – is ek yn ’65 noch aktuele saek’, Leeuwarder Courant, 19 maart 1965; Douwe Tamminga, ‘In spultsje fan bline Bauke’, De Tsjerne 20-4 (1965); Laurens ten Cate, ‘E.B.F.’, Friese Koerier, 20 april 1965; Lolle Nauta, ‘It bearen fan lilke Douwe’, De Tsjerne 20-7/8 (1965); Inne de Jong, ‘Fan âlde en nije mythen’, Leeuwarder Courant, 1 septimber 1965; Jan Wybenga, ‘Tsjerne-trammelant’, Leeuwarder Courant, 15 novimber 1966; Friese Koerier, 16 novimber 1966; Josse de Haan, ‘Tsjerne-tsjinjen?’, Leeuwarder Courant, 17 novimber 1966; Fokke Sierksma, ‘Mest in aarden vaten’, De Nieuwe Linie, 4 febrewaris 1967; Jacob Noordmans, ‘Mest en mythe’, Leeuwarder Courant, 9 febrewaris 1967; Douwe Tamminga, ‘Bevuilen van eigen nest’, De Nieuwe Linie, 11 febrewaris 1967; Laurens ten Cate, ‘Gebrek in het gesprek’, Friese Koerier, 18 febrewaris 1967; Fokke Sierksma, ‘Kabaal in Friese doofpot’, De Nieuwe Linie, 18 febrewaris 1967; Lolle Nauta, ‘Zuivering van eigen nest’, De Nieuwe Linie, 18 febrewaris 1967; Steven de Jong, ‘Mest en riolen’, Leeuwarder Courant, 20 febrewaris 1967; Douwe Tamminga, ‘De filosofen over u!’, Friese Koerier, 28 febrewaris 1967; Freark Dam, ‘Mei freonlike groetnis’, De Strikel (febrewaris 1967); Geart Jonkman, ‘Mist yn ierdske koppen’, De Strikel (febrewaris 1967); Lolle W. Nauta, ‘Geen gekonkel, wel kontakt’, Friese Koerier, 18 maart 1967; Douwe Tamminga, ‘Nei de stoarm’, De Tsjerne 22-3 (1967); Lolle Nauta, ‘Van der Ploeg en de feiten’, Trotwaer 1-1 (1969).
  29. Leeuwarder Courant, 28 maaie 1960.
  30. Leeuwarder Courant, 28 maaie 1960.
  31. Leeuwarder Courant, 27 febrewaris 1963.
  32. Jo Smit, ‘Goede smaek as kritearium’, De Tsjerne 19-9 (1964).
  33. Fokke Sierksma, yn it foaropwurd fan Podium 1-2 (1945), set it essee heech ‘dat evenzeer op politiek, sociaal als literair terrein den geest verdedigt tegen geest-loosheid, geest-pose en geest-drijverij. Wij willen dit gevecht verbeten voeren. Wil men ons humanisten noemen, het is ons goed. Als het dan maar een humanisme met haar op de tanden is.’
  34. Leeuwarder Courant, 7 maaie 1965.
  35. Tom S. Hageman, ‘Provoceren is een paardemiddel om ideeën te verkopen’, Friese Koerier, 14 jannewaris 1967.
  36. Eins inkeld by Josse de Haan. Sjoch bygelyks syn ‘Poëzijlaboratoria’, Trotwaer 1-6 (1969) s. 205-211. In sitaat: ‘Poëzij is it hantearjen fan de skjirre en de lympot. Ynspiraesje? De pot op. Metrum, rym, byldspraek? Koekjebakkerij. De kattepûl bringt de spontaneïteit deryn. Jow elts minske in kattepûl (fersepûl) en skjirre mei lympot, en de fersen fleane de wrâld yn.’ (s. 206).
  37. Friese Koerier, 9 oktober 1967. Steven de Jong hie ‘protestsongachtige, navrante anti-oorlogsverzen, die het best deden’ (twatalich ferslach, Frysk en Nederlânsk trochinoar hinne).
  38. Friese Koerier, 9 oktober 1967.
  39. Leeuwarder Courant, 21 febrewaris 1968.
  40. Leeuwarder Courant, 30 novimber 1968.
  41. Leeuwarder Courant, 17 septimber 1969.
  42. Josse de Haan, ‘De 50 fan de slach by Warns’ (twa jier ‘operaesje fers’ en noch hwat)’, Trotwaer 2-2 (1970).
  43. Leeuwarder Courant, 22 jannewaris 1972.
  44. Leeuwarder Courant.
  45. Friduwih Riemersma, ‘Tiids tosk fersus ikonoklasme’, yn: Alde meuk? Essays oer klassikers yn de Fryske literatuer (HotSum/Contrabas, Ljouwert/Utert 2014) noat 14, s. 68.
  46. Trinus Riemersma, ‘Gysbert op It Skiermuontseach’, Trotwaer 3-2 (1971) s. 2.
  47. Trinus Riemersma, ‘Heil Johnson!’, De Tsjerne 22-9 (1967) s. 339.
  48. Steven van der Meer, ‘Dit doarp’, De Tsjerne 23-5 (1968) s. 210.
  49. Jacob Noordmans, ‘Tsjerne, mei twa man, op twasprong’, Leeuwarder Courant, 5 oktober 1968. Foar de oergong fan De Tsjerne nei Trotwaer, sjoch Jacob Noordmans, ‘Fryske taelwil en Fryske taelwille tusken Tsjerne-swart en A-Wyt’, Leeuwarder Courant, 9 novimber 1968.
  50. Tjitte Piebenga, ‘Trariteitenkabinet fan “Trotwaer”’, Leeuwarder Courant, 5 maart 1970.
  51. Geart van der Zwaag, ‘Literatuer en beweging’, Trotwaer 2-2 (1970) s. 18.
  52. Trinus Riemersma, ‘Leaver ynbring as ynspraek’, Trotwaer 2-2 (1970) s. 85-87.
  53. R.R. van der Leest, ‘Twa forwiten’, Leeuwarder Courant, 24 septimber 1970.
  54. Theresa Richardson, ‘The Rise of Youth Counter Culture after World War II and the Popularization of Historical Knowledge: Then and Now’. Paper Presented at the Historical Society 2012 Annual Meeting ‘Popularizing Historical Knowledge: Practice, Prospects, and Perils’, Columbia, South Carolina, May 31st – June 2nd, s. 4.
  55. Sjoch foar it ideologybegryp Lieuwe Pietersen, De Friezen en hun taal. Een onderzoek naar de lees- en spreekgewoonten in Friesland en naar de houding ten aanzien van het Fries (Laverman, Drachten 1969) s. 89-113.
  56. Babs Gezelle Meerburg, ‘”De binding verbroken”. Van 1945 tot eind jaren zestig’, yn: Teake Oppewal e.o., red., Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Bert Bakker, Amsterdam 2006) s. 151: ‘Een oud wereldbeeld maakte plaats voor een met moderne normen en waarden.’
  57. Teun van Dijk, Ideology. A multidisciplinary approach (Londen: SAGE Publications, 2008) s. 3.
  58. Sjoch Lieuwe Pietersen, De Friezen en hun taal. Een onderzoek naar de lees- en spreekgewoonten in Friesland en naar de houding ten aanzien van het Fries (Laverman, Drachten 1969) s. 18.
  59. Leo Popma, ‘Petear mei R.R. van der Leest’, Trotwaer 4-3 (1972).
  60. Foaropwurd Fers2 2-12 (12 juny 2016).
  61. Lieuwe Pietersen, De Friezen en hun taal. Een onderzoek naar de lees- en spreekgewoonten in Friesland en naar de houding ten aanzien van het Fries (Laverman, Drachten 1969)s. 45, 64.
  62. Bygelyks Lolle Nauta, yn syn ynlieding fan Stasjonearre yn Fryslân. Essays, besprekken en polemiken (Fryske Akademy, Ljouwert 1999), dy’t de literêre konflikten taskriuwt oan in botsing tusken Gemeinschafts- en Gesellschaftstinken mar dêrby ferjit dat ek de Fryske literatuerfernijers grutte wearde hechten oan de eigen taal en dus ek oan it bestean fan in taalmienskip.
  63. Ien fan de konklúzjes yn Lieuwe Pietersen, De Friezen en hun taal. Een onderzoek naar de lees- en spreekgewoonten in Friesland en naar de houding ten aanzien van het Fries (Laverman, Drachten 1969)s. 133.
  64. Foaropwurd ‘Kultuerferlies VI: de wet fan de pommeranten, of: Wêrom’t se de Wet gebrûk Fryske taal net op de frije merk oanbeane’, Fers2, 17 april 2016. Web, 2 maaie 2016; Foaropwurd ‘Kultuerferlies VII: Wêrom’t wy net dogge wat wol moatte’, Fers2, 1 maaie 2016. Web, 2 maaie 2016.

Mear fan Abe de Vries

Op Ropsyl Der is in flakte, neffens stedske mjitting leechte,/ fol kleur en rigen biten om tsjin stoarm te rinnen
Atsee Nee, de boarnen binne net ienriedich oer / Hoe’t it teneate gong en wa’t net woe
Foar Rink, no’t er in stien krije sil Trêdzje skulpebrekkend fierder nei it easten/ oer de âld spoardyk, de ûngediene achterkant
Omkearing fan fabels Dit binn’ de dagen net fan ’e doarpen yn ’e omkriten./ Fierder as it stoart wankt, op ’e hast bouripe blabze,
De spikerbrits fan Tsjirkje: De spikerbrits fan Tsjirkje: Jan Wybenga en de Twadde Wraldoarloch Nacht. It hotelkeamersrút oan de Wittekindstrasse lit it stasjon fan Delmenhorst sjen yn it skynsel fan strjitlampen, neonreklames en bondels autoljochten. In pear huzen fierder ferriedt it ôfbletterjende pears
Wachtsje op de lêste debutant? Untjouwingen yn it útjaan fan Frysktalige poëzij, 2005-2016
Wolkom yn Fryslan! Noch leit de oprôle fûst fan ’e buorren/ driigjend tsjin harren sûnder hûs en hiem.
De gek mei Prokrustes: Literatuer en identiteit yn de 19e ieu Vooraanstaande Friesche schrijvers zijn haast alle uit het midden van het (boeren = plattelands-)volk voortgekomen…
Unsichtberheid troch utsluting Dat Joke Corporaal har dissertaasje út 2009 oer Anne Wadman yn it Nederlânsk publisearre, liket in opmerklik feit …
Fan Europeeske orintaasje nei streekkultuer? Het rode tasje van Salverda fan Goffe Jensma is it sa njonkelytsen hast klassyk te neamen essay oer de konstruksje fan Fryske identiteiten…
1 2 3 4 5 6 7 8 9