image

Mytology Menear. Jo Witte Wol Werom.

It Ensafh-Spesjaalnumer ‘Germanen yn de Fryske literatuer’ jout de lezer te tinken

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 14, 3 july 2015

Yn alle profesjonele subgroepen fynt in standerdisearring fan technyske terminology plak, sa ek yn de Ensafh. It is it jargon fan de Fryske Tydskrift-Redakteur, mei eigen termen en eigen frazen en idioom, dat yn it Ensafh-Spesjaalnûmer de formalisearring foarmet fan harren ekspertise. Is “stinnerige ferantwurding” noch in frijwat yntuityf konsept, “it ûntbrekken fan in BluBo-sfear” is fan wittenskiplikheid dêr’t ik my net op taret hie.

Ik begryp net mear as dat it ûnderwerp fan it Spesjaalnûmer, Germanen yn de Fryske literatuer, te serieus is om op in plebejysk nivo te behanneljen. Gelokkich hat earder op skoalle de Latynske literauer my konfrontearre mei de Germanen. Julius Caesar, dy’t de term ‘Germania’ munte want de folken dêr neamden harsels gjin Germanen, definiearre it gebiet as fierder nei it noarden en easten as dêr’t de Galliërs wennen en mei in befolking dy’t noch ûnbeskaafder is. De fêststelling fan Ensafh dat de saneamde Germanen hast net foarkomme yn de Fryske literatuer docht dan ek gjin nij: se ha gjin kultuer neilitten. Men kin Germanen yn de literatuer inkeld opnimme as in útstoarne kliber stammen assosjearre mei wat fersprate argeologyske fynsten fan brûnstiidartefakten en ûnbewiisbere geroften. Dus “[i]t Germaanske ferline is foar [Obe Postma] gjin ynspiraasjeboarne.” (s. 6)

Wer in side letter blykt it lykwols net om de Germanen sels te gean, mar om myten oer Germanen. Ynstee fan foar in evaluearjende beskriuwing is keazen foar ynventarisearjen, fan spoaren fan Germaanske mytology yn de Fryske poëzij—yn de standertbondels en hânboeken—en fan de myte fan de Kentske hierling Hengist yn Frysk proaza en fan de wat dizige Redbadfiguer yn Douwe Kalma’s toanielstikken. Hoewol’t de wearde fan dy myten troch de opsomjende oanpak net nei foaren komt promoatet Ensafh de Germaansk mytopoëtyske beneiering, as sprekt it fansels. “En dat dit: oan de syklus [Skalder] fan Cornelis van der Wal is te sjen dat de mooglikheden by it brûken fan de Germaanske stof ûneindig binne.” (s. 24). Ik wol it wol leauwe. Opnimmen fan mytologyske tema’s en archetypen yn proaza is hast altyd selsferwizend en giet net werom op ieuwen fan orale tradysje sûnder ein, mar op in doelberet, yn in koarte perioade byinoar skriuwen troch ien of inkelde auteurs. Ensafh nimt as foarbyld dêrfan fiif siden fan Kalma op.

Germaanske mytology yn de Fryske literatuer kin dus maklik, mar minsken dogge selden dingen inkeld om’t it kin. Neffens earder ûndersyk soe Kalma, nammers mei ûntlieningen oan benammen Hellenistyske en Noardske mytology, stal jûn ha oan syn eigen Fryske dream fan werberte. Theun de Vries seit dat er romte skoep tusken de lykfoarmige myten fan Frysk heldendom en de Germaanske mytology fan it Tredde Ryk. En J.B. Schepers jout sels, yn inkelde moaie sinnen, útlis oer syn skriuwen fan myten. Mooglik wie it moderne tinken him te yngewikkeld, skriuwt er, en dreau it him werom nei de ienfâldiger tinkwrâld fan ‘eartiids’. No moatte keunstners har wol út de wrâld weromlûke om dy beskriuwe te kinnen, mar dêrom moat it weromlûken fansels net folslein wêze en net ôftwongen om’t de wrâld harren tefolle is. As Ensafh in hiel nûmer wijt oan in sjenre dat al hast in ieu ferlitten en op himsels is en dêr’t bûtenliterêre en anty-yntellektuele sentiminten mei mank giene, jildt dat ûntsnappingsmotyf, út de betiizjende, ymperfekte literêre wrâld nei de simpele, nommele Fryske myte, dan net a fortiori foar Ensafh?

Man en swurd

It is net it “ûntbrekken” fan relatearjen fan tekst oan folk—want dat bart wol—en net it “ûntbrekken” fan relatearjen fan folk oan genen & grûn—dat bart ek—dat it Spesjaalnûmer nijsgjirrich makket. Dat is de relaasje fan maskuliniteit mei oarlochssuchtichheid. It is in ambivalinte relaasje, wat it moaist ta utering komt yn de Karel en Redbadbewurking fan Geart Tigchelaar. Ensafh skriuwt net foar net-ynwijden, ik wol hear: myten bestean om sosjale rituelen en kulturele aktiviteiten te ferklearjen en bekrêftigjen. Dy brûkmen komme fan boppenatuerlike wêzens en tsjinje dus as model foar minsken. En Karel en Redbad is de oarsprongsmyte fan it Fryske rjocht. Tolve lieders wurde straft foar har ûnienichheid oer wêr’t dat rjocht is. Karel de Grutte set se stjoerleas op see om dêr om te kommen. Mar in god rêdt harren en syn rjocht is dan it Fryske rjocht. Neffens guon lju is dy god Jezus, neffens oaren in heidenske god; by Tigchelaar is it beide. De lieders “folgje [him] as makke skiep,” mar de god hâldt dan ek syn bile paraat en “[d]e krêft dy’t efter de mânske swaai sit, is gâns grutter as ferwachte by sa’n spjochtich mantsje.” (s. 63)

Mar twa persint fan it Spesiaalnûmer giet oer in frou en dat inkeld yndirekt, nammentlik oer hoe’t manlju har beskriuwe. Dat is nammerste opmerkliker om’t it ‘populêre’ ‘Germaanske’ foarbyld fan Richard Wagner syn opera’s neamd wurdt. De Teutoanske mytology yn Wagners Ring jout bliken fan in fierhinne froulike seleksje út de batterij mytologyske goaden. Benammen yn de froulike deadsingels, de Walküren, lit it de macht sjen fan sêfte, barmhertige striders. Wagner fertelde geregeld hoe’t syn wurk ynspirearre wie troch froulike muzen en twa dagen foar syn dea yn febrewaris 1883 begûn er mei it skriuwen fan in ferhanneling Über das Weibliche im Menschlichen.

Yn it Spesjaalnûmer is de maskulinisearring fan de Germaanske ‘stof’ sterk: “Nordyske geast, bûtsearje it Fryske fleis / en jou it sterke trekken, koel en manlik.” (s. 7) Dêrneist falt de ynherinte oarlochssuchtichheid op. “It is moai om te sjen dat [Piter Jelles] Troelstra yn syn Germaanske gedichten de lof fan de striidberheid (foar Fryslân) sjongt. Dat striidbere is him eigen.” (s. 11) Kriich, swurd en dea binne de meast-foarkommende wurden yn it Spesjaalnûmer. As frede neamd wurdt, is ynterne frede bedoeld, bygelyks by Kalma ienheid yn de “stridende stamme” fan “moedige mannen” dy’t “[s]traffe ek, wa misledig’t de bliuwende brûkmen des âffaars.” (s. 17)

Steat en DNA

Dat de mannen yn it Hengistferhaal keazen foar de see en it swurd kaam neffens Theun de Vries fan de honger. André Looijenga fynt dat realistysk, it is it alderminst; in revolúsje hat yn it foarste plak ferlet fan bôle, lês dêroer fierder de anarchist Pjotr Kropotkin. It moaie stikje ûndersyk fan Looijenga is net skruten oer it kriichsbedriuw yn de Hengistmyte. Ut Germanië kamen “achttjin skippen fol útkeazen striders [werom]. Hja brochten ek de dochter fan Hengistus mei.” (s. 32) As presysjewapen dus. It blykt effektyf. De kening fan ‘e fijân tutet har; de tút fan de dea is in hiel âlde trope en dy fan tút-ferrie is koarter lyn populêr makke troch Judas Iskariot. Mar wêr’t it om giet is dat dy dochter gjin inkelde kar hat, wierskynlik likemin as de striders. Yn in fers fan Gysbert Japicx falt deselde frou gear mei har (nije) heitelân. Troelstra’s Kening Friso hat “in herte (…) / Dat fêstsit oan d’ynleave heitegrûn,” dus dy’t fan him skaait “wijt golhertich him syn siele en sin (…) Tsjoch op no allegear.” “Foar de Fassist is alles yn de Steat,” seit diktator Benito Mussolini’s La dottrina del fascismo, “en neat minskliks of spiritueels bestiet, en noch minder hat it wearde, bûten de Steat.” Net honger, mar de naasje liket my de driuwfear foar it swurd.

Bekend is dat fantasy-skriuwer fan it Hobbituniversum J.R.R. Tolkien leaude yn de Aryske myten en foarstanner wie fan eugenetika om’t er rasferminging riskant fûn. Ek yn it Spesjaalnûmer sitte sûndebokken en suvering. Troelstra’s gedicht ‘Tawijd oan ‘e haat’ makket de kristenen ta sûndebok en wat suvering oangiet wurdt bygelyks it adjektyf genosidaal neamd by Hengist syn ferovering fan Ingelân. Genetyske genealogy, lykas fan Britain’s DNA dêr’t Looijenga syn stik mei iepenet, hat op de eftergrûn altyd in suverjend motyf. Pikant, mar Looijenga fertelt it net dus ik doch dat no hjir, is dat Britain’s DNA op fragen oan it wittenskiplike tiim nei oanlieding fan claims dy hja makken, net reagearren mei befredigjende antwurden mar mei it driigjen mei in proses. Drigeminten binne in min foarteken foar it akademysk debat. Myten wurde gefaarlik as men der striid, al is it mar juridysk, foar oer hat om de nostalgyske utopy wierheid te meitsjen.

Hjirop oanslutend, fassistyske literêre wurken binne wat oars as wurken fan fassisten, mar beide kinne prachtich wêze. Nei Kenneth Burkes besprek fan Mein Kampf, miskien de bêste literêre krityk ea skreaun, witte wy dat oft de kritikus sok wurk no nét ôfwiist of wól en oft er dat docht op estetyske of op etyske grûnen, yn alle fjouwer gefallen moat de kritikus ferantwurding ôflizze foar syn stânpunt. As myteskriuwer Theun de Vries fynt dat “een volk dat zijn honderd procent zuiver germaansch bloed vóór heeft op ‘Ariërs’ van allerlei slag” rjocht hat “op een wezenlijk-‘nordische’ behandeling van hun oude sagen”, (s. 40) dan kin Looijenga him wol it swit fan ‘e foarholle feie nei’t er steld hat dat De Vries “útdruklik ôfstân nimt” fan it “nazi”-gedachteguod (s. 41), sadat er himsels ek ûntlêstiget, mar hy is net klear. Dat De Vries him nét dúdlik distansjearret is net it punt. Mar de wearde fan wêzentlik-nordyske behanneljen en it rjocht dêrop, wat dat ek wêze mei, bliuwe ûnûnderboud. Dat is wol in probleem, want no kritisearret Looijenga it fassisme, wat tsjintwurdich gratuit is, en net it mytologyske wurk dêr’t it him just om giet.

Tekst en útlis

As men sjocht nei it ferbân tusken myte en oarloch dan ferklearret myte it bestean fan in aktiviteit dy’t yn striid is mei de ideale situaasje, dy fan harmony. “Goaden, gean fredich!” (s. 13) Blyn oarloch fieren, it sûnder reden mei de wapens treffen fan anonime meiminsken, wurdt as net-rasjoneel en ymmoreel field. De Grykske mytology fiert foar syn djiptepunt fan ûnrjochtlike striid, Troje, dan ek sa’n oerfloed fan ‘rjochtfeardige redenen’ oan dat de Feriene Steaten der noch wat fan leare kinne. Om it Fryske wapenkletterjen te rjochtfeardigjen hellet De Vries as casus belli de ferneatiging fan “de Romeinske wrâld fan slavernij” der hielendal by (s. 42); redeleaze oarloch komt yn myten amper foar. Oan de oare kant lykje maksimale foarmen fan pasifisme, dus it abslút ôfwizen fan oarloch, net ûnderstipe te wurden troch mytologyske konstruksjes.

Bliuwt oer de myte fan de rjochtfeardige oarloch: de goaden tsjin de duvels, de boarger tsjin in ûnminsklik hanneljend regear, dat regear tsjin in macht dy’t syn territoarium of autonomy skeint, of syn eare, troch Helena te rôvjen. “Us heechste wyt sij d’ ear fan ‘t heitelân!” (s. 9) Net fjochtsje is yn de rjochtfeardige oarlochmyte leffens. Pasifisme komt net om’t men oarloch moreel ôfwiist mar om’t men net doart: “Dêr [Radbods dea] sil ‘t leffe folk foar skrilje.” (s. 8) De meast mytologyske fariant fan rjochtfeardiging fan oarloch is dat net-fjochtsjen nuete oerjefte oan it kwea is; it is it kristlike takearen fan de oare wang dat gjin gandhiësk rjocht op selsferdigening tastiet. Dy fariant fine wy sûnder mis by Kalma: “Net mear sille de Friezen it lok fan har lânen beglimkje, / Want foarby is de tiid dat moed hjir tige ta achting.” (s. 28)

Foar geweldleazens is mear moed nedich as foar geweld, litte Nobel Fredespriiswinners Martin Luther King, Jr. en Mohandas Gandhi sjen. Jins libben jaan is deagean om net te deadzjen. Dy foarm fan pasifisme is faak ferbûn oan in religy mei in ramt dat myten oer ûnstjerlikens, in lêste oardiel en ivige beleanning foar frede befettet. Dat dat fine wy net yn it Spesjaalnûmer. Krekt oarsom wurdt it fallen yn de striid foar it eigen folk leanne mei ivich opnimmen yn it Walhalla: “Mar hy ropt yn de helteherten / Gleone langstme op, om te libjen, / Ja, te stjerren foar har lân!” (s. 9) Ofwizen fan gewelddiedich ferset, ek al lijt it folk ûnder ûnrjocht, is akseptabel as it lijen, net de striid, ferlossing bringt. Net tafallich promoatsje Gandhi en King it lijen en yn ‘t bysûnder ûnfertsjinne lijen, as paad nei ferlossing, mei de lijende pasifist Jezus as model. Dat fine wy yn minimale foarm as stjerren fan fertriet: “Wodan seit dan: ‘Wé oer de wrâld,’” mar “rêst glied yn’t hert.” (s. 13) Leafde ferlicht it lijen en sa “[d]uorret it riik fen d’ierde en fen Walhal / Ivich.” (s. 14) Dat sok pasifisme ‘soft’ en froulik is leit net foar de hân. De twa fertrietsdeaden binne froulju, de god dy’t by Tigchelaar it rjocht bringt hat gjin grouwe spieren en in wite jurk oan, mar yn it Spesjaalnûmer is gjin frou yn de posysje om te kiezen tusken oarloch of in hiel lyts bytsje minder oarloch.

Neist maskuline rjochtfeardige oarlochssuchtichheid komt, foarsichtich, ek maskulyn pasifisme, fundearre op kristlike myten, foar yn de Fryske ymport fan Germaanske mytology. It bestean fan dy twa foarmen neistinoar is sa bysûnder dat it skande is dat Ensafh, hoewol’t moai materiaal byinoar garre is, dêr net op yn giet. “Betink sels mar wat, lêzer,” stiet Ensafh royaal ta. (s. 3) Mar dy lêzer komt dêrfoar te let yn ‘t petear. Want bewearingen wurde amper noch ûnderboud, diskusjes binne sletten, de saak útmakke, definysjes fan konsepten en taljochting by saken en skriuwers ûntbrekke—who the hell is dy sidefrettende minor poet Kalma, Ensafh? Losse teksten lizze ûnder de mikroskoop en in grutter ferbân om it ûnderwerp hinne, yn tiid, plak of sjenre, mist.

It spitichste is dat it Spesjaalnûmer amper fragen stelt. De kwestjes dy’t nei foaren brocht wurde binne faak wer te yngewikkeld, wiidweidich en net relevant, lykas it tagong finen ta histoarysk realisme yn de literatuer. Yn it Spesjaalnûmer komt dat del op it besykjen de wierheid fan de Germaanske myte te bewizen, mar dan fansels literatuerteoretysker as dat de ûntelbere skinheadwebsides it dogge. Jelma Knol komt dêr hielendal net út en dat hoecht ek net as jo inkeld Kening Redbad troch Kalma’s eagen beskriuwe wolle. De mear teoretysk ûnderleine Looijenga rint op itselde fêst. Myte, yn de akseptearre betjsutting fan it wurd, heart ta it ryk fan de fantasije. De werklikheid, dat wol sizze de letterlike of histoaryske wierheid, derfan yn of fia literatuer te bewizen is dan ek lestich. En net sinfol. It giet derom de fiksjonaliteit yn wat wy as realiteit opfetsje helder te ûnderskieden. Dat makket mytology krekt sa nijsgjirrich. Mar it liket der op dat Ensafh dat net ûntdutsen hat.

Mear fan Friduwih Riemersma

Taalatlas 2015 De Provinsje liicht mei de Taalatlas 2015 himsels en oaren foar
Njoggen en in heale tip oer drave en date en seks Krekt as wy yn kontakt komme mei in bline reizger falt de koartsichtichheid op dêr’t wy it konsept sense of place mei brûke
De tafel fan Eppie Dam en Gerrit Terpstra ‘Skilderjen is poëzij dy’t mear sjoen as field wurdt en poëzij is skilderjen dat field wurdt ynstee fan sjoen.’
De wearde fan poëzij Shelleys ‘In Ferdigening fan Dichtkeunst’ opnij besjoen
In memoriam Hedzer Oostra It ferhaal fan ús freonskip begjint feitlik trije jier lyn, op sa’n Novembermoarn dy’t troch syn ferfeelsumenshellip;
In ferdigening fan dichtkeunst Hiemsiik fan Elmar Kuiper, as nomaden in tinten teplak fan Sytse Jansma en Brek dyn klank fan Abe de Vries
De kulturele kwestje & hoe dy op te lossen Kultuer, Fryslân, taal, identiteit, bestjoer en selsbewustwêzen foarmje in hieltyd gaoatysker amalgaam dêr’t de yndividuele opiny en de selsferkleare eigen leafde foar Fryslân (en Europa) yn sintraal stean
Sosjale situaasjes yn de Gysbert-shortlist De longlist foel al op troch it út de wei gean fan extreme reading
Libbje stearleas, rijke tonge! Libbje, Gijsbert! It profesjonele fjild as spil tusken literêre prizen en kultureel kapitaal
Ferlet fan Frysk In Deltaplan foar it Frysk kin net ophâlde nei de paragraaf ûnderwiis. It komt oan op in belied dat soarget foar ferlet fan it Frysk
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15