Skriuwe foar Fers2

Handige ynfo

Skriuwe jo foar it atypysk doelpublyk fan sub-elitêre, wannabee snobistyske, trans-Fryske high literature-lêzers?

Skriuw foar Fers2!

Wy publisearje fan lyryk oant akademyske artikels, ynbegrepen literêre feuilletons, fraachpetearen en writers talk, opinystikjes, kollums, tema-artikels, biografyske portretten, koarte ferhalen, sekssênes en skotskriften. Wy sykje de ynformele subsjenres fan de literêre fiksje en literêre nonfiksje. Wy sjogge út nei literêre krityk en keunstaktivisme dat nij tinken útlokket sûnder dat it de ‘gewoane’ maatskippij rjochtfeardiget.

  • Stjoer in oarspronklike tekst (foar earder publisearre wurk, al is it mar op social media, is gjin romte).
  • Stjoer by jo tekst in koarte beskriuwing fan ûnderwerp, tema, sjenre ensf.
  • Der is gjin fêste romte, allinne it maksimum fan 5000 wurden; it maksimum tal ferwizingen of noaten is 60. E-mail ús jo wurk yn tekstformaat (leaver gjin pdf).
  • De deadline om jo tekst yn te stjoeren fia ynfo@fers2.eu is 7 dagen nei’t it foargeande nûmer útkommen is. Fers2 wurdt útjûn om de seis wiken, sân nûmers it jier, as e-magazine.
  • Yntimidearjende, rassistyske, diskriminearjende of oars polari­searjende teksten akseptearje wy fansels net—ûnseedlike wol!
  • Wy pleatse gjin promoasjeteksten, wy skoarje de nonprofit, konsintrearre, reklamefrije literêre ûnderfining.
  • Ienris publisearre teksten ûntpublisearje wy net wer.

Wy besjogge jo tekst.

  • As wy tinke dat it wat foar Fers2 is giet it troch ien of mear refisyrûntes (op in systematyske, standerdisearre manier, sadat jo witte wêr’t jo oan ta binne). Wy sjogge earst nei styl en kontekst; dêrnei nei taal en lêsberens. Wy gripe net yn de tekst yn sûnder dat jo der hielendal efter steane. Jo tekst bliuwt jo tekst.
  • Wy stribje nei de heechste kwaliteit submission pool sadat wy útsûnderlik wurk útkieze kinne foar it nûmer en jo ynstjoering ynbêdzje yn fruchtbere, fris kontrastrike literêre omkriten.
  • Wy hantearje it quid pro quo-prinsipe: yn ruil foar jo tekst biede wy jo profesjonele redaksjonele begelieding, fan idee- en struktuernivo oant op sins- en wurdnivo. Wy sille al jo fragen oer tekstûntjouwing en skriuwtechnyk sa goed mooglik besykje te beänderjen – ek as dy gean oer in tekst dy’t de muzen jo noch ynblaze moatte.

Tige tank!

Abe en Friduwih