jetske bilker image

Poëzy

Slachst har yn dyn dreamen

Jetske Bilker - Fers2 nû. 4.14, 23 septimber 2018

Se is der net

se is der net mear foar dij

kinst dyn gong mar gean, appe mei in glimk

dy’t se noch nea earder op dyn lippen seach

krij de auto mar, ryd gerêst de blokjes om

se hâldt de kilometers net mear bij

kinst mar raak dreame en om dy hinne

slaan rekkest har net langer

de doar falt yn ’t slot en de kaai

giet troch de brievebus

sjong mar fan een beetje verliefd

sûnder healwei kjel op te hâlden

silst no it hiele liet útsjonge

Hite simmer

Hoe wie dyn simmer en hast ek mei fakânsje

west, tink, wy wienen nei Turkije, lekker goedkeap

no, no’t it dêr no ja, do witst wol net hielendal,

polityk en sa en dan mei dy man dy Erdodinges

mar dêr hienen wy gjin lest fan hear. As je mar gewoan

dogge en yn je resort bliuwe mei je blauwe bantsje

om dan is der hielendal neat te rêden.

O net fuort west no ja it wie hjir ek moai waar

no, dêr hoegdest wier net foar te reizgjen achter

tún of balkonia wat makket it út, de sinne is

deselde en it skeelt in protte, no. Ja Skiphol

wie in drama dêr wolst net wêze en dan

al dy stakings, komst oeren letter oan en dan

hâlde se yn sa’n hotel it iten net foar dy waarm.

Hè ferfelend juh, de hiele simmer wurke en dat

mei dat skitterende waar wylst elk fuort wie de

grinzen oer, even derút dat is wol sa goed

foar in mins, even by de stress wei gjin seurende

teamlieder om de teannen. En boeken lêze, drankje

derby wat thús net wol kin dan samar. Hoechst der

neat dat is sa fijn. Even der hielendal út en do?

Mear fan Jetske Bilker

0 results