ûngetiid

Ungetiid juny 1959

Bûtlân bij de Geau – Toppenhuzen

Geart fan der Mear - Fers2 nû. 2.14, 25 septimber 2016

Earst: de trektor op de pream, oe, foarsichtich!

Dan de swylmasine, de ‘Lely’, en oar ark,

En dan de reis oangean nei ’t bûtlân,

Troch de Douwesleat en dan dy moaie Douwepoel –

No mei reid en ûnrant skandlik tichtgroeid –

Slachtoffer fan de nije tiid en ruilferkaveling -

(Yn ’e fierte de Snitser Mar,

Mei al aardich wat sylboatsjes,

En tichterbij dy ranke Geausmole) –

Dan: foarsichtich de boel útlade,

En heit fuortdaalk oan it meanen,

Mei dat âld trektorke út Kanada,

De Farmal Cub – twaddehânsdinkjes,

In soarte fan boartersguodtrektorkes,

Mei behindige foar- en achtertsjiltsjes,

Fergelike mei dy meunsters fan no;

Der steane hjir en dêr noch wat dotterblommen,

Mar de ljippe- en skriezepiken, al aardich grut,

En ljurk en hoants en strânljip,

Rinne gjin gefaar en binne al fuort.

Ien kear: in ein dy’t al te let fan ’t nêst opfleach -

Net te sjen wie yn it lange gers -

En beide poaten misse moast …

Dêr wie heit slim fan oaral.

No en dan strûpt gers fêst yn de fingerbalke,

En moat de trektor yn de achterút.

Soms sels moat heit fan de trektorpanne ôf.

Ek sa noch moedsum wurk,

Mar nei in dei is ’t meanen klear,

En kin it droegjen begjinne –

Mar earst fansels kantmeane en neimeane,

Mei de seine, en mei de strikel yn de broeksbân,

Want netsjes moat it wol.

As it no mar in droechsume rite bliuwt …

Mar sneins, ja, dan wurdt der net ûngetide,

En wurdt al it ark delflijd yn in slodze,

Want dat wie doe noch goed fertroud …

De moandeis:

It droeget goed, en ’t swyljen kin begjinne,

Der groeie wurdzen út sweeën,

En wurdzen wurde mei de skower

Opskood ta swiere sleepbulten,

En dy wurde op har beurt mei in lang ein tou

Op de sleep lutsen en nei de wâl sleept.

Dan nimt Kees it mei de trijetinefoarke oer

En wurdt de pream heech oploege

(Mar ‘loegje’ is yn Toppenhuzen ‘loeie’),

Laach foar laach, want dat komt krekt.

It sturtswyljen is dan jongeswurk.

Bij in wiete rite moat der opere wurde,

Opers, dy’t - letter wer útinoar skodde -

Dan al muffich rûke en stjerre fan de mûzen,

Dy’t kjel alle kanten útstowe.

(Soms, mei al te wiet waar, it kin net oars,

Moatte dy opers sjoud wurde, op twa draachstokken,

Nei de pream ta – dat docht sear oan de polsspieren

Fan in jonge fan fyftjin jier, en heit krijt begrutsjen.)

Om tolve oere tiid om wat te iten,

En iepen giet de keats mei bôle, bûter, jam en tsiis

- Wylst in kâlde tsjettel tee de toarst ferslacht -

En fljocht yn smûk petear, loai lizzend,

Bij de feartswâl yn ’t stopp’lich gers,

De tiid sa om – wylst heech in ljurk,

In stipke yn it blau, op ’t oargel spilet.

De pream is fol, en ’t faren oer it wetter

Nei ’t fiere Toppenhuzen, mei syn berch en bûthús,

Dat giet no oan: heit mei de Archimedes yn de skou,

Wylst Kees fan de pream it roer hanteart:

Steand boppe-op it hea stjoert er linich mei in boom,

Fêstbûn oan ’t roer, troch poel en feart.

Wat leit it hearlik smûk sa op it krûdich hea!

In skerpe bocht om de Aldfeart yn – sa, dat gong goed -

En no ropt heit sa lûd er kin: BRIO – O – O,

En âlde Hesseltsje sloft al op klompen nei de brêge,

En draait him iepen: en de brêge is no ‘ou’ -

En dan: wer thús; en moarn it lêste noch:

Hea foarkje fan de pream en op de jakobsljedder,

En yn augustus, as de earste golle fol is,

Glydsket oer in ‘laad’ it hea de twadde golle yn.

Sa binne letter, as de winter komt,

In tal koositens hea kreas opslein yn ’e golle.

Dy tiden binn’ foargoed foarbij;

Ek binn’ ferlern foar wurk en ark de wurden.

De boeren binne fijân wurden fan de ljip, de skries,

De ljurk syn sang dy heart men no net mear.

De blommen binne út it lân ferballe,

De kij dy steane simmers no op stâl,

En inkeld grien sjocht men yn ’t lân,

Dat sûnder hikke, stek en ko sa deadlik saai is.

De keats fan ’t Fryske lân is leech,

En alle smaak is fuort.

Mear fan Geart fan der Mear

0 results