gedichten mienskar abe de vries

Mienskar: Sonnetten, ut it skift ‘Reatille’

Abe de Vries - Fers2 nû. 4.6, 25 maart 2018

Blomstrjitte

Men soe in ekspresjonist, in fauvist wêze wolle,

wurkjend yn syn earste blauwe perioade,

mei in toets, op foarbyld fan âlden stuolle,

mar men is dichter – fan in fersifere koade.

Men hat âlde minsken yn wurden bewuolle,

hjittend fan opa en oma neffens de moade,

mar pake en beppe noch yn ’e holle;

ranjeskinkster, timmerman fan kroade.

De kantriden tsjillen fan it ûnthâld

stuiterje de Blomstrjitte del fan har wrâld,

Eeltsje bakker foarby, en âlde Jabiks Jantsje –

Do bist dat fleurich mantsje,

dy bûke, blûn mei pearse plakken.

Wa kleuret dyn ferskiere flakken?

Binnenpaad

Wer hâld ik Heechhouts lining beet,

sjuch it binnenpaad nei it Romeinske Ryk,

’t blauwe streamke, rinnend troch it weet,

delbochtsjend nei de grutte dyk.

Ferware asfalt prottet ta de kanten út,

en tikselblêd, ûnkrûd en rûkersguod

sizze soen foar ’t skulpepaden einbeslút:

Rome is te fier fuort.

Myn fyts foel yn ’e griene reiden,

en as súdwyn waaide ’k oer de weiden

hea – dy’t, falsk twongen ta in tribút,

de memmeterp ferlear oan in bargesnút.

Oan it jongespaad komt fuort gjin ein.

Wa wol ’t net ôflizze? Wa hat it oait lein?

gedichten mienskar abe de vries

Mûntsjeleane

Ienkear yn ’t jier, as ’t ljochtmoanne is,

dan komme de mûntsen, safolle is wis,

yn it ta de nacht út fan ’e grutte misse –

de tsjerke kin in biskop risse.

Se komme foaroer bûgd en se rinne te foet

it lân oer, sûnder gloede, ek alle tsjoed

derút rânsele troch de froeden;

bemant’le binn’ har de groeden.

Op ’e weromreis kom ik se op ’e nij foarby:

dronken folk no, mar fol earbied foar my,

om’t ik mei myn ûnbedreaune hannen

in dyk nei see ta lein ha troch de lannen.

Sadat se net gean – gjin gekoanstekken –

yn ’e freze mear as in eed te brekken.

Mienskar: Sonnetten, ut it skift ‘De lêzing’

Abe de Vries - Fers2 nû. 4.7, 8 april 2018

gedichten mienskar abe de vries

Fortuna

Doarp, dij binn’ swierrichheden brocht

yn romtes dêr’t wy stikten fan it gnizen.

It blommepún, dêr’t de hjerst om socht.

Beskikber stelde, mar net útrikte prizen.

Mar kaam ik út myn mûle wei oerein,

hieltyd hurder draafde ik troch de gongen

fan ús kronyk. Doe haw ik dij dyn tijen sein,

dyn floeden en dyn fuortgong songen,

om mei in ploech frijere minsken

te gean foar ’t gjin begjinnensein oan.

Doarp, ik woe neist Fortuna gean,

de goadinne, dy’t gewoane winsken

wolkom hjit, of knieze lit op ’t lân.

As kaam ik hjir wei. As koe ik lûdleas bestean.

Fatum

Winter en maityd, hjerst en simmer,

ôfwikseljend depresje en hege druk.

It klimaat wurdt inkeld slimmer.

Mar sis no sels, eins, what the fuck

sa’n wurd dan betsjut: ‘krimp’?

Heech wetter, neffens fiere universiteiten,

is in kâns, fuortkommend út himp.

It bêste der mar fan meitsje, heite.

„Orakel, de Súdlannen binn’ prachtich

en Techums waakse wrachtich

hurd oan…” – O, foar’t ik myn sin

grammatikaal ynoarder ôfmeitsje kin,

sjitte de skuorren dwers troch it lân.

Oer lege buorrens skoot myn lege hân.

gedichten mienskar abe de vries

Freya

Catch Freya – poetry is a way to the Gods’,

mar wa makke ek alwer appelsmots

mei dy swiet-reade rabarber dertroch,

en in gesicht, dat ik net mear foar my sjoch

as wie it juster? Saniis noch fong

ik it byld dêr’t ik no fan sjong.

Fan ’e Vanirsdochter, opbrocht yn ’e bosk,

foar my – in út ’e greppel opfiske frosk.

Se timmeret samar in boekekast

dêr’t it hiele universum yn past,

set yn in eachwink it hielal op ’e kop

mei yn ien nacht in laach waarme snie derop,

mar krekt neidat se my tute hat, wat

se wolris docht as winterferskining fan god.

Mienskar: Sonnetten, ut it skift ‘Hegebuorren’

Abe de Vries - Fers2 nû. 4.8, 22 april 2018

gedichten mienskar abe de vries

Aldsyl

It lytse doarpke bliuwt in winkel en in kroech,

eartiids folle mear dat gearhing joech,

mar no is nachts in frommes op ’e sjou

fan ’e wrâld ferret: myn deminte buorfrou.

Har man, sa seit se, is al wei, it hûs te grut,

de bern útflein, komt nimmen har te wurd.

En komt se bûten mei har boadskiptas,

stapt se in skimer yn, dy’t nimmen past.

Dan begjint it fan oer see te waaien,

it fan eangst, ferjitnis har te draaien,

it rûkt nei ierdappelroaien, triedsjefleis,

ien kear jûns dy pil, dy pil twa kear deis.

De oare moarn – it is wer stil – inkeld in ljurk.

Buorfrou is wei, de mienskip sil nei ’t wurk.

Eigen doarp (De Antyslamyt)

Een meelijwekkend volk’

Sjoch! wa pantoff’lje dêr oer pake’ strjitte,

fret-oppen foardel quiche en kofjegrom?

Ik bin antyslamyt, rju sille ’t fan my witte!

Soan fan ’t ferrânestedske Friezedom.

Fansels haatsje ik moslims – kin ’t net litte.

Omraken ploft it op myn kritetrom:

de Frjemdling, ik wik it jim, kin ’t polityk ferjitte.

Foar ús: kieze of dele. Pompeblêd of likeblom?

Stege keardels, wite wiven, prate normaal

foar de fûst wei foar-de-folksferhuzingstaal,

meie gjin sokses sjen, dy’t identiteiten ferslyt,

kenne gjin mokses, dy’t net fan Geale hyt.

Al kostet it my myn twatûzen jier âlde siele –

ik, yn eigen doarp, sil my Fries fiele.

Stad Niks

Ien inkeld tsjipknipke tsjilpt yn ’t romteryk

by ynstap Stad Niks. Grappy fan in Biltker.

Yn ’t lân fan ’e streekeigen hobbyskilder

rôlet in butst blau belbuske oer de dyk,

stapfoets achter in oait reade Ferguson oan,

dy’t syn wurkdei yn ’e fierte wis wit:

Star roaie, foar’t de rein fan moarn

it goud oan wyldens en woastens lit.

De priis fan ’t ferfier, de kilometer betelle,

ha de Steaten op dizze útbuorrens ferhelle.

Bûtsikers plôkje ’t protserich provinsjehûs.

‘Van A naar Beter’ fleagje busbestellersblues;

en bestjoerderleas komt de twapersoans

út ’e stêd wei oanwaaien as wat deagewoans.

Mienskar: Sonnetten, ut it skift ‘De lêzing’

Abe de Vries - Fers2 nû. 4.10, 20 maaie 2018

gedichten mienskar abe de vries

It ynstitút

De Kommisje is neffens Boltanski’s skets

it bêst te sjen as lichem sûnder holle.

Dat is mear as wat sosjologe-geswets;

de provinsjale útfieringsregeling ferfollet

bline, anonime dreamen. Mei pine yn it liif

wykt it wurd as weesbern fan ’e minsken,

mar hat, alle Fryskpraters ta geriif,

net te kontrolearjen kursuswinsken.

Wat weiwaard, hat net diskutabel bestien.

En in nij bonkerak is net samar te lien,

inkeld foar slapstick, dy’t syn krabbel set.

Dan bist der wis fan – it daget dy wat let –:

it lespakket is in meisizzenskipsleas wûnder

mei neimakke legalisearring derûnder.

De stifting

Yn in stille opkeamer mei postbus en e-adres

foar skriuwerij yn eigen taal en dialekten,

en mei in bepaald bysûndere mindfulness

foar ‘fernijende en tradisjonele projekten’,

komme de alles karrende bestjoerders gear

te kedizen oer leafst trije literêre prizen.

Oer Douwe, Rink en Rely rint it drok petear

by Gysbert del, nei Fedde Schurer, de ferliezer.

Boppe de skoarstienmantel de konservator,

letterknecht ta ’t lêst en skriklik imperator,

lit aloan en wer de nammen troch him gean

fan Jan sûnder lân – wêrhinne ferfearn? –

en fan achterbliuwers, masters yn autonomy,

no benefisjinten fan in goederjouske oligargy.

De lêzing

No efkes net harsensskrabje oer ’t heffen fan tol

yn ’e Sont, noch oer de yllúzjes fan ús brein.

Net skermesearje mei ’t antroposeen, in wrâld te fol

of krekt te rom, of nijerwetsk meubeldesign.

Net freegje oft Homeros as wat hypermoderns

in leechte efterliet as Gryks ladelichter.

Net oft ’t duldich bidden fan ’e blauwe stirns

ynboarstich resonearret by de rokoko-dichter.

Leaver smyt ik my fûgelfrij nei de oare kant,

lyk yn ’t gers. Dêr’t ik oan ’t kealledûnsjen lês

hoe’t ûnstjerlike rigels my yn ’e mjitte swinge,

mar neffens annônse yn ’e Leeuwarder Courant

is it nijsgjirrich middeisprogramma oan in grêft.

N’t wier. Wy binn’ de lannen yn. Sleatsjespringe!

Mienskar: Sonnetten, ut it skift ‘Hegebuorren’

Abe de Vries - Fers2 nû. 4.12, 17 juny 2018

gedichten mienskar abe de vries

Rottefalle

Douwe Kalma (1896-1953)

Fier út ’e wei, om súv’rens fûn of net te finen,

hâldt er ’m grut – hy sit net sljucht of rjucht,

mar ûnmeilydsum achter swiere gerdinen.

Ut it sintrum wei, berôve fan syn frucht,

gjin folkje te bekennen om te ferbinen,

is der folle ding, dat er net rjucht sjucht.

Wêrom foar ’t ûngelyk jin wei te winen,

as de rop sa fier foar de died út fljucht?

In dei yn strykljocht – Aldgilles stapt út.v

De kronkeldyk del strampelt it einbeslút

fan ’15 en ’40. It doarp wit fan neat,

seit trusten en slommet yn syn eigen steat,

as de fijân fan ’e Franken mis in meter rint,

syn útfeart oer de Noardseestrannen wint.

Jordaan

In glimke derhinne tekene is dit tinkskrift,

it komt mei op reis, it waait mei op drift.

De stêd – wat oars wolle se winne,

dy’t tusken de minsken in singel rinne,

gâns te keap ha, en mei alle waan

te pronk stean op ’e merk fan ’e Jordaan?

Mar by ’t winter sit men likegoed

oer dy’t gjin wenstee hat yn noed.

Aansens, seit se, komt wer fan pas

har fergunning foar ’t fûgelfrij terras;

perfekt yn balâns, ljocht spat fan ’t blêd,

trotsearret sy de gefaren fan ’e stêd –

stelt slutingstiid de frage: „Wat is wis?

Ik skink dy dyn lêste yn, foar’t it nacht is.”

Hotel Seesicht

O   humor – gjin oseaan, mar binnensee.

Baai, reiden. Oaljefetflotten oan ’e ree.

De smelle servearster nimt de bestelling op:

dyn eagen – twa vins blanc. Ien herteklop.

No dimmet de skjinne loft it tinne ljocht

troch kleure glês, dat de bliere dei út docht.

It lit oare kusten sjen as yn ’t oanbegjin –

do bist myn panorama, ik dyn drinkeling.

Op it berikke skilderstik sinkt it sinneskip

ûnneigeanber wei yn ’t boaiemleaze djip;

om nei de nacht wer rieds’lich op te dûken,

lossongen út syn ûnderseeske fûken.

Non-smoking, mar net op it balkon;

it útsjoch is machtich, pardon.

Mear fan Abe de Vries

‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie
1 2 3 4 5 6 7 8 9