name

folgje ús

Facebook Twitter Google

 

Abe de Vries - Fers2 nû. 3.2, 29 jannewaris 2017

 

image de vries kulturele haadstêd

Ján Figel, âld-Europeeske Kommisjelid foar Kultuer: “Circus: Culture for the Millions”

 

Wa riidt dêr oer de dyk

Liederskultus fersus de ‘iepen mienskip’ fan Lwd-Fryslan 2018

 

 

Denn so ist es, Herr: dem Sokrates gaben sie ein Gift zu trinken, und unsern Herrn Christus schlugen sie ans Kreuz!

Theodor Storm, Der Schimmelreiter  

 

 

Yn septimber en oktober 2018 sil yn it WTC Expo yn Ljouwert it „spectaculair indoor theaterevenement”www.2018.nl/projecten. De Stormruiter plakfine. It wurdt ien fan de klapstikken fan it Lwd-Fryslân 2018 programma. Ynvestearring: sa’n 2,5 miljoen euro. Sûnt de Fryske kultuerkommersy yn ’e mande mei de Koninklijke Vereniging Het Friesch Paarden-Stamboek ûntdutsen hat (yn 2014 mei de produksje Faderpaard) dat grutte publyks­shows mei op syn minst hûndert Fryske hynders in geunstige útwurking hawwe op it ‘op de kaart zetten’ fan dyselde hynders, bedoeld wurdt de kaartferkeap, is der gjin hâlden mear oan. It resept foar kommersjeel súkses: in hieleboel hynders, in sirkus­direkteur en in salonfähige marketing as ‘literatuer’.

It ferhaal sil net op ’e nij gean oer it regionaal bekende, mytyske hynder út it wurk fan dichter Tsjêbbe Hettinga. Diskear draait it om in yn de ynternasjonale, heechkulturele kontekst dochs krekt wat legindarysker ros, in skimmel, te witten it wurkhynder fan dykgraaf Hauke Haien út de novelle Der SchimmelreiterTheodor Storm, Der Schimmelreiter (Paetel, Berlin 1888). De novelle is twaris oerset yn it Frysk, troch M.S.E. Visser yn ôfleveringen yn Sljucht en Rjucht jrg. 31 (Eisma, Ljouwert 1927); yn boekfoarm útjûn as Theodor Storm, De skimmelrider (Eisma, Ljouwert 1928); en troch Lieuwe Heine Bouma: Theodor Storm, De skimmelruter (De Tille, Ljouwert 1990). fan de Dútske skriuwer Theodor Storm (1817-1888). De novelle hearde al dalik nei ferskinen yn 1888 ta de hichtepunten fan de Dútse en Europeeske literêre kanon. Oan De Stormruiter sille neffens de plannen hast trijehûndert minsken meiwurkje. Dat sok mega-amusemint aansen in protte publyk lûke sil – de organisaasje skermesearret mei 50.000 besikers – is fansels prachtich, foar de organisaasje. En yndie, de muzyk, it ljocht, en foaral de glânzgjend swarte hynders sille in lust foar each en ear wêze.

Mar sjit Lwd-Fryslân 2018 himsels likegoed net yn ’e foet troch it ferhaal fan Der Schimmelreiter as basis en útgongspunt fan bewurking te nimmen? Of betsjut it wurdearjen fan de ‘iepen mienskip’, ít ideologyske kearnbegryp fan Lwd-Fryslân 2018,Lwd2018, Iepen mienskip. Leeuwarden-Ljouwert’s application for European Capital of Culture 2018 [bidbook] (Ljouwert, 2013) s. 1: ‘The term Mienskip is derived from times when the struggle against water led people to join forces, sharing talents with the goal of building terps and dykes for the common good. Mienskip has brought a heritage of new land that typifies the northerly and western regions of the Netherlands and has made our country a world renowned authority on land and water management. With our bid for European Capital of Culture, we aim to re-invent this old Frisian spirit of shared community feeling. We redefine it and embrace an open Mienskip: an outward-looking, 21st century version of Frisian community feeling.‘ sûnt de útferkiezing fan Donald Trump tagelyk ek it bejubeljen fan in grutte lieder: de mytysk-needlottigeFritz Martini, Deutsche Literatuer im bürgerlichen Realismus, 1848-1898 (Metzler, Stuttgart 1962), sitearre yn J. Lefebvre, red., Der Schimmelreiter (Theodor Storm Gesellschaft, Husum 2009) s. 67: „Hauke Haien gewinnt aus Landschaft und Volkstum, denen Storm hier die dichteste Eigenwirklichkeit gegeben hat, als sozialer Emporkömmling und seelischer Aristokrat, als geradezu vermessener Individualist des Willens und der Tat eine umfassendere Typik. Sie weitet sich in das Mythische, je mehr sich sein Leben der Verwobenheit von Schuld, Schicksal und Tod entgegenbewegt, unter das Gesetz des Verhängnishaften gerät.” sterke, alwittende man, dy’t ta syn eigen skea it achterlike, oerkonservative folk it paad wize sil?

Want dêr giet Der Schimmelreiter ommers (ek) oer: de rede fan de lieder fersus it byleauwe fan de sleauwen dy’t in lieder noadich hawwe. It is in typysk achttjinde- en njoggentjinde-ieusk ferljoch­tings­tema dat weromkomt by Storm. Nijsgjirrich is de fraach hoe’t dy striid fan Hauke Haien, as mytologisearring fan in liedersrol, oerbrocht nei de populistyske demokrasy fan hjoed oars útlein en oanklaaid wurde kin, sûnder de ferwizing nei Der Schimmelreiter ta in kollektive mislediging en in skoalfoarbyld fan histoaryske kitsj te meitsjen?„Today it is normative to read literature, film, and other cultural texts primarily as evidence about the societies that made them” – dat is in „grounding assumption of cultural studies”, skriuwt Tim Dean, ‘Art as symptom. Žižek and the ethics of psychoanalytic criticism’, yn: Diacritics 32-2 (Summer 2002) s. 21. It behanneljen fan Der Schimmelreiter as in hjoeddeisk ferhaal makket dêrom kwetsber foar krityk dat de aktualisearjende ynterpretaasje it orizjineel ferdraait of sels skeint.

In foarstelling ‘fan ús’

Dat is in lestigenien foar Kulturele Haadstêd. It mei noch hinnebruie dat in skimmel gjin Frysk hynder is – hoewol’t Thie dêr wol efkes fan wekker lizze sil, want wat is dat foar Grutte Fryske Hynder Show as de held fan it ferhaal net swart mar griiswyt is, plus meager, âld en net bepaald in nommel bist? It is ek net hiel slim dat it basismateriaal fan Der Schimmelreiter neat typysk (Noard-)Frysks ynhat. De leginde yn kwestje komt neffens folks­literatuer­eksperts fan de Prusyske Eastseekust, mear yn it bysûnder fan de mûning fan de Weichsel:

Eine Schimmelreiter-Sage hat es also weder in Nordfriesland noch in einer anderen Region der Nordseeküste je gegeben. Theodor Storm, der dies aufgrund seiner umfangreichen Sammeltätigkeit bereits Mitte der 1840er Jahre wusste, wurde zu seiner 1888 veröffentlichten Novelle durch eine Gespenstergeschichte angeregt, für die ein anonymer Verfasser in der ersten Hälfte des 19. Jahrhunderts nach Sagenmotiven des Nogat-Weichsel-Deltas bei Danzig eine Wiedergängergeschichte komponiert hatte, in der sich ein Reiter auf einem Schimmel nach einem Deichbruch in die Fluten stürzt.Gerd Eversberg [direkteur Theodor Storm Zentrum], ‘Die Schimmelreiter-Sage’; http://www.g.eversberg.eu/MWStormWiss/Seite18.htm.

De novelle fan Storm wurdt likegoed al hiel lang besjoen as in ‘Fryske’ of byneed, út Dútsk perspektyf wei, in Schleswig-Holsteiner bydrage oan de wrâldliteratuer. Mar sa’t Gerd Eversberg skriuwt, de direkteur fan it Theodor Storm Zentrum yn Husum: „Nach dem (..) Befund sollten die Herausgeber von regionalen und über­regionalen Sagensammlungen auf eine Schimmelreitersage aus Schleswig-Holstein in Zukunft verzichten.”Gerd Eversberg [direkteur Theodor Storm Zentrum], ‘Die Schimmelreiter-Sage’; http://www.g.eversberg.eu/MWStormWiss/Seite18.htm. Likegoed sil Jos Thie syn „totaalbelevenis”www.2018.nl/projecten. in Fryske draai jaan, miskien om’t er tinkt dat it dan behalve in kommersjeel evenemint ek earder in foarstelling ‘fan ús’ wurde sil. Yn essinsje giet it dêrby om wat de Dútse Tageszeitung lêstlyn oer de histoaryske ferfrysking fan it Schimmelreiter-tema skreau: om „die Sehnsucht nach dem Herunterbrechen globaler Fragen auf die Region, der Transfair in die Nahsicht, in der man sich wiederfinden kann.”Petra Schellen, ‘Der Mythos von Schimmelreiter’, taz (Nord), 6 juny 2014.

Is dat slim? Nee, net perfoarst. Ien sprekkende oerienkomst mei ‘Fryslân’ is fansels ek net maklik oer de holle te sjen. „Centraal staat onze eeuwige strijd tegen het water”,www.2018.nl/projecten. seit de pr fan De Stormruiter – en dy striid hat net inkeld oan de Weichsel yn Prusen, letter Poalen, mar ek oan de Waadsee by Koehoal yndie altyd in (boere)tema west. Lânferlies oan de see, lânwinning troch dikebou, grutte rampen, in protte lijen. En ek te uzes hawwe der lju west dy’t stúdzje fan de bou fan seediken fierder brocht hawwe – hoewol’t dy figueren opfallend genôch noait de literêre status fan Hauke Haien berikt hawwe. Foarbylden rinne fan in wiskundige as Willem Loré (1679-1744)Ien fan de earste libbensbeskriuwingen is fan J.W. de Crane en W. Eekhoff, Levensschets van Willem Loré (G. Ypma, Franeker 1832). oant in boer as Worp van Peima (1795-1880).Sjoch P.C. Molshuysen en P.J. Blok, red., Nieuw Nederlands biografisch woordenboek. 3 Dln. (A.W. Sijthoff, Leiden 1914). D. 3, ‘Worp van Peyma’, s. 971-972. Oer it libben fan beide hearen hie ek maklik in teaterspektakel skreaun wurde kinnen. Mei as grut neidiel dat dan dy Fryske hynders der wat heal byhongen hiene.Tink oan War Horse, de ynternasjonaal súksesfolle ‘arty’ toaniel-adapsje fol drama foar folwoeksenen fan in bestsellend berneboek mei deselde titel. It stik wurdt (noch altyd) útfierd troch ien fan de meast prestisjeuze poppespulgroepen op ierde, mar kriget as keunstwurk inkeld negative resinsjes om it ûntbrekken fan djipgong en artistyk konflikt.

Lieder en mienskip

Sokke al of net miste kânsen, en de dêrby hearrende ahistoa­ryske, mar spektakeltechnysk motivearre produksje­besluten binne allegear noch wol nei en oer te kommen. It keunst fersus kommersy­debat is al âld. Marketing, ek dy fan keunst, wurket mear en mear mei ûnderfiningen, mei tagonklik teater. Mar ek dan bliuwt der noch altyd in aktuele ynhâld oer, dêr’t in aktueel boadskip fan útgiet, en dy fertsjinnet yn dit gefal omtinken. Dat fan dy sterke lieder en dy domme mienskip: dat jûket.

Foar de needsaaklike anty-autoritêre ynspiraasje, en as der dochs à la carte út de skiednis liend wurde mei, kin men faaks sjen nei it Dútse ekspresjonistyske tydskrift Der Sturmreiter. Eine Monatschrift für Literatur und Kunst, dat yn de jierren 1919-1920 yn Hamburg ferskynde. It wie ien fan de blêden fan in jongere generaasje keunstners, tawijd oan „de ekstatyske minske”, sa’t in advertinsje sei.Timothy O. Benson, ‘Kiel and Hamburg: radical “Bildungsbürgertum”’, yn: Peter Brooker et.al., ed., The Oxford Critical and Cultural History of Modernist Magazines, 3 Dln. (Oxford 2012). Dl. 3-1: Europe 1880-1940 s. 918. It blêd woe ta op in „revolúsje yn de yntellektuele arena likegoed as yn it puer mentale, etyske en estetyske domyn”, yn de wurden fan ien fan de grûnlizzers, de dichter Hans Ochs.Timothy O. Benson, ‘Kiel and Hamburg: radical “Bildungsbürgertum”’, s. 919.

Yn de jierren tritich rekkene in Dútslân in oare nije generaasje op syn bar ôf mei it Bildungsideaal fan de Hamburgse ekspresjo­nisten. De nasjonaal-sosjalistyske fisy op Der Schimmelreiter kaam yn 1933 yn de foarm fan de film mei deselde namme fan Hans Deppe en Curt Oertel, mei Mathias Wieman yn de haadrol. Hauke Haien is in heldhaftige lokale Führer wurden en syn geastlik behindere dochter Wienke is folslein út it ferhaal weiskreaun – sy paste net yn it ideologysk boadskip fan de spektakelmakkers. It wie ien fan de súksesfolste films fan de akteur Wieman.

De fraach is: wat sil sirkusdirekteur Jos Thie fan it nûmer ‘iepen mienskip’ meitsje? Wa riidt dêr yn 2018 yn it WTC presys oer de dyk?

In nije ‘imagined community’?

It ymportearjen fan in ieuwenâlde Prusyske saga yn it hert fan it klapstik fan in Frysk ienentweintichste-ieusk feestjier dat seit him op de takomst te rjochtsjen, foar in better libben, ja, dat is op himsels in opmerklik fenomeen. Miskien kin it besykjen beskôge wurde as in modern foarbyld fan it kreëarjen fan in nije ‘imagined community’, sa’t Benedict Anderson yn syn standertwurk groepen omskreau mei in nasjonalistysk stribjen.Benedict Anderson, Imagined communities. Reflections on the origins and spread of nationalism (Verso, Londen 1983). Rjochtút sein, it is in net-Frysktalige foarm fan Frysk-mienskiplike propaganda, diskear net mei in polityk mar mei in folkloristysk-kommersjeel doel. Wiene earder eins inkeld literatuerleafhawwers en Grutfryske nasjona­listen ûnder de yndruk fan de tragyske wisberettens fan Hauke Haien, no sille de hiele provinsje en ek moai wat net-Friezen dêr yn meigean. Net yn it Frysk – yn it Nederlânsk.

Nij is it brûken fan Der Schimmelreiter foar groepsfoarming lykwols net – wol oars as oars is dat it diskear net út artistike, idealistyske of ideologyske, mar inkeld út kultuerkommersjele motiven bart. It giet om de foarming fan in ‘consumer community’ op de kulturele merk, om it stjoeren fan ‘consumer behaviour’, om it ferlieden fan de rikere middenklasse mei in literêre ferlokking, in bewyske tradysje.

It iennichste wat Thie dwaan moat is yn it skript it lieders­probleem fuortskriuwe en voilá, de kassa’s kinne iepen, foar Friezen en toeristen allyk (alteast, foar dy’t de sûnder twifel eksorbitante entree betelje kinne). Us Mem is dea en út heit kin it net betelje. In net sa iepen mienskip fan ING en hynstefokker-miljonêrs seit wat Frysk is en wat net. Dat allegear te besjen en fan te genietsjen troch in happy few – dy’t faaks sels op syk is nei in lieder, mar dat net earlik wêze wol – yn it ramt fan de „outward-looking, 21st century version of Frisian community feeling”, dêr’t it bidbook it oer hat.