Wêrom’t dr. Hannibal Lecter sljocht is op Bachs ‘Goldberg Variazionen’

Kulturele ikoanen as kommersjele ferlieders

Abe de Vries - Fers2 nû. 1, 1 jannewaris 2015

Only fools and madmen are born along the Issa,” seit de beppe fan Tomasz Dilbin, de haadpersoan yn de roman The Issa Valley (1955) fan Czeslaw Milosz. Thrillerskriuwer Thomas Harris, de man fan de romans oer dr. Hannibal Lecter, hat dy wurden fan beppe Dilbin goed achtslein.

Yn Milosz syn roman is Tomasz in jonge dy’t foar de Twadde Wrâldoarloch opgroeit yn Litouwen as soan fan in Poalsk-Litouske greve; de lânadelike húshâlding wennet yn in kastiel. Deunby streamt de rivier de Issa – net in werklik besteande rivier. Lykwols wurdt The Issa Valley gauris lêzen as in autobiografyske roman. Ommers, Nobelpriiswinner (1980) Czeslaw Milosz (1911-2004) wie sels ek fan Poalsk-Litousk komôf, syn heit wie ek in greve, hy wenne as jonge ek op in slot en deunby streamde de Niewiaz. ‘Ja, viele denken, dass es Kindheitserinnerungen sind,’ hat Milosz yn in ynterview sein. ‘Natürlich, gibt es da viele Elemente aus dem wirklichen Leben, wie sie behaupten. Aber die Handlung des Romans ist etwas ganz anderes. Sie hat ihre symbolische Struktur. Die Protagonisten und die Handlung sind zwei verschiedene Dinge.’

De Issa is foar Milosz in symboal foar it libben, it Heraklityske ‘panta rei’, en it plattelân en de bosken fan Litouwen – werombrocht ta de bedelte fan de Issa – ferskine as in pre-modern paradys, as in symboal foar it Hôf fan Eden. Syn jeugd yn Litouwen is foar Milosz ‘het archetype van de prehistorische menselijke ervaring, als die tijd van het leven waarin nog niets beslist is, waar men nog buiten en goed en kwaad, mooi en lelijk leeft, buiten de historische tijd (..)’, skriuwt syn oersetter Gerard Rasch yn it neiwurd by de blomlêzing Gedichten (2003). Nei de Twadde Wrâldoarloch, de mar al te reële sûndefal, sil de poëzij fan Milosz lange tiid yn it teken stean fan goed en kwea; as dichter wurdt er de tsjûge, de oanklager fan terreur en massamoard.

Hoe treffend is it dan, dat de Amerikaan Thomas Harris (1940) syn ferneamde dr. Hannibal Lecter – fierrewei de populêrste en tagelyk de slimste serial killer yn de moderne amusemintsyndustry, yn 2007 troch it American Film Institute oanwiisd as nûmer ien yn in ‘Top 50 Movie Villains of All Time’ – opgroeie lit yn Litouwen? As soan fan in ferearme greve, wenjend yn in kastiel?

Oer de Lecter-romans fan Harris (Red Dragon, 1981; The Silence of the Lambs, 1988; Hannibal, 1999; Hannibal Rising, 2007) binne ytlike stúdzjes skreaun (Gompf, 2013; Simpson, 2010; Szumskyj, 2008; Sexton, 2001), mar yn net ien fan dy boeken wurdt de parallel mei Milosz en syn wurk sinjalearre. De ferbannen mei de gothic literature (Bram Stoker, Mary Shelley) komme oan ’e oarder, likegoed as de ynfloed fan de heaven and hell foarstellingen yn it wurk fan William Blake en de ferwizingen troch Harris nei Amerikaanske real life serial killers as Ted Bundy, Gary Heidnick en Ed Gein. Mar oer Milosz wurdt neat fernaam.

Milosz kaam my yn ’t sin doe’t ik de film Hannibal Rising op tillevyzje seach. It is de iennichste fan de Lecter-films wêrby’t Harris sels tekene foar it filmskript. Yn de film fertrekt de jonge, swier traumatisearre Hannibal Lecter nei Frankryk, nei in omke fan him, nei’t syn âlden omkommen binne yn de Twadde Wrâldoarloch, syn suske Mischa kannibalistysk opiten is troch Litouske kollaborateurs en hy ûntsnapt is út in weeshûs (dat ûnderbrocht is yn it kastiel fan syn âlden). Is it lot fan de lytse Mischa net in wjerlûd fan de begjinrigels fan it fers ‘Voorwoord’, it earste yn Milosz syn bondel Redding út 1945: ‘Jij die ik niet kon redden, / hoor mij aan’? Nei oarloch en Holocaust libbet de minske yn in morele woastyn, is it breder boadskip fan Milosz: yn ‘it lân Ulro’ fan William Blake, it ‘waste land’ fan Thomas Eliot en de ‘dürftige Zeit’ fan Friedrich Hölderlin.

Opfallend: Milosz sels fertrok nei de oarloch ek nei Parys. Opfallend: Milosz hie gjin omke, mar in fiere achterneef yn Frankryk, syn namsgenoat Oscar V. L. de Milosz (1877-1939), dy’t ek skriuwer en dichter wie. Dy wenne en leit begroeven yn Fontainebleau – in plak dat ek figurearret yn Hannibal Rising. Opfallend: Red Dragon, de earste Lecter-roman, ferskynde in jier nei’t Milosz, dy’t doe al jierren yn Amearika wenne, de Nobelpriis krige. In foardiel fan it world wide web is dat je makliker kennis meitsje kinne mei wurk dat je net lêzen hawwe (en dêr’t je likegoed oer skriuwe kinne). Al googljend nei wjerlûden fan Milosz yn de Lecter-romans fan Harris koe ik mar ien ferwizing fine nei in stik mei dat tema, in artikel fan de Kroatyske diplomaat Ante Skrabalo. In Ingelsktalige gearfetting meldt:

‘Thomas Harris’s main model for Hannibal was real life serial killer Ted Bundy, however, he was a personification of American trash culture, with no intellectual depth. Harris made no allusions as to the role models for Lecter’s intellectual refinement, but the author of the text accidentally discovered that Czeslaw Milosz in one photography bore much resemblance with Lecter, while in Milosz’s novel In the valley of the river Issa, he also found many similarities with Lecter’s biography. The author of the text also found links with the serial in Czeslaw Milosz’s essays, not just with the character of Lecter, but Clarice Starling too, so that it is possible that Harris imagined Lecter as the dark side, and Clarice as the bright side of one and the same symbolical persona.’

Mei oare wurden, Skrabalo skriuwt de intellectual refinement fan dr. Hannibal Lecter alteast foar in part ta oan de oannimlikheid dat Harris foar wat de biografy fan syn serial killer oanbelange, oanknope by eleminten út libben en wurk fan Milosz. In oare histoaryske figuer yn dat ramt is de Frânsk-Poalske skilder Balthus, pseudonym fan Balthasar Klossowski de Rola (1908-2001). Syn mem Elizabeth Spiro, alias Baladine, hie nei de Earste Wrâldoarloch in relaasje mei Rainer Maria Rilke. Yn Harris syn tredde roman Hannibal wurdt dúdlik dat dr. Hannibal Lecter in neef is fan Balthus.

De werklikheid fan Balthus syn libben komt fiksjonalisearre nei foarren yn Hannibal Rising, as bliken docht dat dr. Hannibal Lecter syn omke, de ferstoarne Robert Lecter, troud wie mei Lady Murasaki, in jonge Japanske frou dy’t har hiele famylje ferlern hat troch de bom op Hiroshima en dy’t dêrom wol sympaty opbringe kin foar it weesbern Hannibal. Foar de jonge Lecter is sy fan grut belang: sy bringt him yn ’e kunde mei de hege Easterske kultuer en mei de Japanske swurdfjochtkeunst. It ferbân mei Balthus is dúdlik: Balthus is yn 1967 op 58-jierrige leeftyd troud mei syn eigen Lady Murasaki avant la lettre, de doe 24-jierrige Japanske skilderes (en syn model) Setsuko Ideta.

Yn in tiid fan ‘ûntlêzing’, in tiid dat it lêzen fan in boek hieltyd mear in beuzichheid wurdt foar in (brede) kulturele elite, kin it foar bestsellerskriuwers gaadlik wêze om yn harren boeken in ferbining ta stân te bringen tusken ‘legere’ en ‘hegere’ kultuer. Sjoch bygelyks ek it wurk fan Dan Brown, in oare spesjalist yn de kombinaasje fan spanning, misdied en geweld mei high culture. Ek Thomas Harris wit hoe’t it moat, sjoen boppesteande notysjes oer de biografy fan dr. Hannibal Lecter. Harris hat syn serial killer, de ferpersoanliking fan it ultime kwea, parten fan libben en tinken meijûn fan in wrâldferneamde dichter en in dito skilder.

Dan docht fansels ek út allerhanne details bliken dat Lecter behalve in psychopaat ek in tige ûntwikkeld man is. Dierlike, anty-humane en a-morele ympulsen steane foar in heech, uterlik, beskavingsnivo oer. Yn in sêne út de film The Silence Of The Lambs klinkt in stik út de ferneamde Goldberg Variazionen fan Johann Sebastian Bach: dat is op it stuit as Lecter it gesicht opyt fan ien fan de plysjes dy’t him bewake moatten hie. Pianist Jeremy Denk neamt it op National Public Radio ‘perhaps the most famous cinematic Goldberg moment’.

En alwer is der in Poalske konneksje: Bach hat syn Variazionen opdroegen oan de pianist fan Reichsgraf Hermann Carl von Keyserlingk (1696-1764), de Russyske ambassadeur yn Saksen en de man dy’t him de titel besoarge fan Hôfkomponist fan de Poalske kening. De East-Europeeske (Poalsk-Litouske) konnotaasjes dy’t Harris yn syn romans oanbrocht hat, reflektearje in âlde gewoante yn Angelsaksyske gothic literature sûnt Bram Stoker syn Dracula situearre yn Transsylvanië.

It kwea dat yn de geniale moardner huzet wurdt alsa oan de iene kant neffens konvinsje outsourced: it wurdt oan de oare kant fan in beskavingsgrins delset. Mar Lecter syn foarkar foar Bach hellet dat kwea krekt wer nei it sintrum fan de ‘beskaving’ ta. Bach is, lykas bekend, by de kulturele elite ien fan de meast wurdearre komponisten fan klassike muzyk. De kulturele aristokraat Lecter is sa besjoen in foarbyld fan ‘elite white values gone mad’, neffens filmwittenskipper Richard Dyer. It rippetative karakter fan de Variazionen wjerspegelet dêrby dat fan de seriële moard, wylst it tagelyk geweld sjen lit ‘as an ongoing cycle in modern society’, alsa horrorspesjalist Thomas Fahy.

Wat porno op ynternet en oarlochsgames op PlayStation en Xbox foar it ‘legere’ konsuminte-segmint binne, dat is neffens guon kritisi it wurk fan skriuwers as Thomas Harris foar it ‘hegere’. It mienskiplike elemint is geweld, dat as amusemint mar ek as maatskippijkrityk ynset wurde kin. Yn in betide oanfal op de film The Silence Of The Lambs hold filmkritikus Jonathan Rosenbaum út dat ‘the film, like its flesh-eating psycho, is more bent on exploiting its insights than on teaching us anything’; op in oar plak neamde er it ‘a snuff film – that subgenre of porn that focuses on the simulation of naked women being tortured and murdered’. Yn 2011 waard in porn parody fan de film útbrocht, mei Kagney Linn Carter yn de rol fan Clarice.

Lykwols is it sichtbere geweld yn de súksesfilm fan Jonathan Demme, oars as yn it kommersjele snuff-genre, yn feite minimaal; it is foar it fierrrewei it meastepart suggestje en suspense. En seks komt der amper yn foar, nettsjinsteande mominten mei in eroatyske lading. Dat ropt de fraach op oft de Lecter-romans fan Harris en de korrespondearjende Hollywood-ferfilmingen ‘ús’ net dochs ‘wat leare’?

It besteansrjocht fan dr. Hannibal Lecter leit yn it amusemint dat er biedt – hy is gjin literêre figuer, ek al hat syn skepper Thomas Harris him wat fan de artistike erfenis fan Milosz, Balthus en Bach meijûn. Mar is hy ek in spegel, dêr’t it ferburgen gesicht fan de massa syn eigen winske kulturele profyl yn fynt? Yn de westerske, urbane, yndividualisearre, heech-organisearre en –dissiplinearre konsumpsjemaatskippijen mei byhearrend heech ûnderwiisnivo fan hjoeddedei hawwe macht, moard, geweld en seks in sintraal plak yn de massa-kulturele uteringen fan de amusemintsyndustry; de gekte fan Lecter en syn moardsucht en kannibalisme, likegoed as de populariteit fan ynternetporno, kinne yn Freudiaanske termen sjoen wurde as ‘the return of the repressed’ (Dyer).

Dat is dan, as it om Lecter giet, wol in weromkommen op in wize dy’t tasnien is op it ferlet fan it grutte, goed oplate middlebrow publyk yn Amearika en West-Europa: in publyk dat in kwea mei in yntellektueel en poëtysk rântsje easket. Dat it net ferballet nei Transsylvanië of tsjuster Afrika, sa’t bygelyks de Viktoriaanske tiid it foar de moade hie, en dat it ek net siket ûnder de tradisjonele ferliezers en it útskot yn de maatskippij, mar dat it personifiearret yn one of us: yn in kannibaal dy’t Bach fan de konsertseal nei de pulp fiction en de bioskoop hellet.

Lecter priuwt de nieren fan de tiid. Syn fiktive en reële bestean, ynklusyf biografy en hege status yn sawol de cult-culture as de massacultuur, is wat dat oanbelanget net inkeld de prestaasje fan skriuwer, filmer en akteurs: it seit ek wat oer de ûntfanklikheid fan it publyk foar konfrontaasjes mei tabûs en morele grinzen. Fanâlds bepale húshâlding, ûnderwiis, tsjerke en oerheid wat wol en net kin, mar de frije byldskermboarger mei dat no ek foar himsels útmeitsje. Hy is dêrneist it doelwyt fan konstante kommersjele ferlieders, dy’t ek as morele boadskippen effektyf yn stelling brocht wurde kinne troch bedriuwen en ekonomyske konglomeraasjes.

Wêrom hat Thomas Harris dan kannibalisme foar kar nommen hat as it ekstreemste grinsgedrach fan syn protegé? It is in monstruositeit dy’t fia it bloed en it fleis fan Kristus yn it kristlik leauwe symboalysk fierder libbet, mar dy’t yn werklikheid sawat net foarkomt en dêr’t yn alle gefallen net fan sein wurde kin dat it sosjale oarsaken hat en in maatskiplik probleem driget te wurden. Dizze relativearring en ridikulisearring fan it motyf ferheget it fiksjonele karakter fan sawol de misdied as de dieder. It kin tagelyk wize op it model stean fan kannibalisme foar misdied en rjocht en ûnrjocht yn it algemien (in tema dêr’t Harris ek as eardere misdiedsjoernalist net ûnbekend mei west hat) en faaks ek yn religieus-filosofyske sin.

Mei dat lêste is it putten út it wurk fan Czeslaw Milosz yn alle gefallen net yn tsjinspraak. Keunst kin ynset wurde om de skjintme fan de redeleazens te propagearjen, mar skjintme is ek in wapen tsjin it kwea. Net Lecter, mar Clarice Starling is ommers de held fan The Silence Of The Lambs.

Boarnen

Becker, Artur, ‘Wo der Fluss von Czeslaw Milosz beginnt’, yn: Artur Becker, Aufsätze, Manuskript, 235 s., 1997-2000 (www.arturbecker.de/Varia/artikel/varia004.htm)

Cenciarelli, Carlo, ‘Dr Lecter’s Taste for ‘Goldberg’, or: The Horror of Bach in the Hannibal Franchise, Journal of the Royal Musical Association 137-1 (2012)

Denk, Jeremy, ‘Hannibal Lecter’s Guide To The Goldberg Variations’, blog Deceptive Cadence (from NPR Classical), 20 maart 2012

Dyer, Richard, Richard Dyer, ‘Three Questions about Serial Killing’, yn: The Matter of Images (London, 2002)

Everett, Anna, ed., Pretty People Of The Nineties (Rutgers, 2012)

Fahy, Thomas, ‘Killer Culture: Classical Music and the Art of Killing in Silence of the Lambs and Se7en’, Journal of Popular Culture 37 (2003)

Gompf, Michelle Leigh, Thomas Harris and William Blake: Allusions in the Hannibal Lecter Novels (McFarland & Co., 2013)

Milosz, Czeslaw, The Issa Valley (1955; Farrar, Straus and Giroux, 2000)

Milosz, Czeslaw, Gedichten (Atlas, 2003)

Rosenbaum, Jonathan, ‘The Ill And The Sick’, The Chicago Reader (22 febrewaris 1991)

Rosenbaum, Jonathan, ‘The Evil Movies Do’, Mademoiselle 2 (1991)

Sexton, David, The strange world of Thomas Harris (Faber and Faber, 2001)

Simpson, Philip L., Making murder: the fiction of Thomas Harris (ABC Clio, 2010)

Skrabalo, Ante, ‘Czeslaw Milosz and Ted Bundy, as ’cooked’ by Thomas Harris: The Creation of dr. Hannibal Lecter’, Ljet pis 38 (2004, tekst yn Kroatysk)

Szumskyj, Benjamin, ed., Dissecting Hannibal Lecter: Essays on the Novels of Thomas Harris (McFarland & Co., 2008)

The Official Silence Of The Lambs Parody (2011) (www.alluc.com/l/-2011-1/ka8pp699 en http://www.alluc.com/l/Official-Silence-Of-The-Lambs-Parody-XXX-CD2/qbemj066)

Williams, Linda, ‘Film Bodies: Gender, Genre, and Excess’, Film Quarterly 44 (1991)

Wood, Robin, ‘An Introduction to the American HorrorFilm’, yn: Robin Wood, Richard Lippe, ed., The American Nightmare: Essays on the Horror Film (Toronto, 1979)

Mear fan Abe de Vries

‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie
1 2 3 4 5 6 7 8 9