image

Bjirken balte …

bjirken balte har de tosken wyt

op heukerige heuvelrêgen

twirresnie klibbet krunen fêst oan wolken

it dwerse swart rint troch as

hite triennen op in bernewang

oant bast blêdet as âlde ferve

ik knip kleare stjerren út ‘e winterloft

en blaas se dy temjitte

do heinst se yn beferzen azem

mei dyn ronfelige fingerseinen

-wolst fan wanten ommers neat witte

dan jouwe wy ús del en

sliepe djip ús wintersliep

wurde pas wer wekker as

de ruten frij fan blommen binne

en bjirken it sop wer streame litte …

Henk Nijp - Fers2 nû. 3.13, 3 septimber 2017

wolken blaze

ik blaas de wolken like hurd werom

hâld tiid en lûd yn eigen hân

klibje moarnsdize oan ’e reiden

dat kij driuwe oer greiden

en de simmer duorret

yn sêft potlead bewarje ik de dei

as relyk fan wat noch even is

fandelje ljocht en kleuren byinoar

de rook fan moarnsbetide hageblom

foar gammele dagen yn novimber

hiemfêst wiest al net

ûngeduerich as in aaisiik hin

altyd ûnderweis nei griener gers,

datst gean soest stie wol fêst

mar moast dat no dizze simmer...

ha dy net tekene yn koal of kryt

soest omdôch myn langst mar lôgje,

yn ’t ûnthâld stiest beitele yn granyt

foar no en novimberdagen

Henk Nijp - Fers2 nû. 4.11, 3 juny 2018

reprize

op it toaniel fan dit ûnhandich mearke

keazen wy krekt net de krekte wurden

gauris stutsen wy se ferkeard yn

of wiene samar troch de klausen hinne

ik wol langer net de drôve ridder wêze

op in blauwe kêde mei in batsk en rustich swurd

en op ’e helm in slanterige toefe

mei in púnfal as kastiel

ik jei de kikkert werom de slotgrêft yn

klap de brêge foar dy del,

knip in fiks gat yn ’e toarnehage

in iuw roait dochs kant noch wâl

wurd wekker, it is noch net te let

negearje dy âld tsjoenster

en lit dat gouden strie gewurde

spinwielen brûkt ommers nimmen mear

as ik dan de doarren iepenset

de finsters op it heakje en it doek

nei beide kanten lûk foar frisse wyn

kom do der dan ek wer yn

dan knippe wy it lêste eintsje út

de tizeboel dy’t ús bewuolle

pakke fuort de tried wer op en

sette in nij stik op ’e planken

Mear fan Henk Nijp

Reprize op it toaniel fan dit ûnhandich mearke / keazen wy krekt net de krekte wurden
Wolken blaze ik blaas de wolken like hurd werom / hâld tiid en lûd yn eigen hân