image les murray eppie dam

Prolegomena

De Swarte Hûn sil sjonge

Oer de fersen fan Les Murray

Friduwih Riemersma - Fers2 5.20, 15 desimber 2019

Hy hat buorke mar wie gjin boer. Hy wie erudyt mar gjin gelearde. Hy koe alle grutte talen fan de wrâld mar hie in swak foar dialekt. Hy hate it moderne libben en stie der middenyn. Al foardat de Australyske dichter Les Murray yn april 2019 op syn tachtichste ferstoar, hie Eppie Dam fersen fan him oerset. Kollega-dichter en lânsman Peter Porter neamde Murray “the custodian of Australia’s soul”, en sa stiet er noch faak te boek: hoeder fan de Australyske siel. Joseph Brodsky toande doe al in breder perspektyf en sei mei rjocht: “It would be as myopic to regard Mr Murray as an Australian poet as to call Yeats an Irishman. He is, quite simply, the one by whom the language lives.”

Murray hie in foars postuer en wie ek poëtysk in gigant. Syn oeuvre is ferlike mei dat fan Auden, Walcott, Heany, Brodsky en te uzes Ter Balkt. De lêste fjouwer hawwe syn wurk kend en seagen dalik de dichter. Ter Balkt wie krekt sa’n bûtensteander en werkende Murray syn opsternatens foar de macht oer en de arrogânsje, en syn grutte kompasje mei it swakke en it ferhûddûke: “Zijn wereld is niet helemaal de mijne, maar wel wat betreft de liefde voor de natuur, het wilde landschap.” Dat wylde lânskip wie foar Murray de Australyske bush, dêr’t er tiden yn ûnderdûkte om te bekommen fan it bestean en de hektyk fan de stêd. Berne yn ’e útbuorren Bunyah – in tolve kilometer lange fallei tusken twa beboske heuvelrêgen – wie it foar de jonge Les oardeloere rinnen nei skoalle, dêr’t er pas op syn njoggende hinnegie wylst er doe al lêze en skriuwe koe.

Yn 1955 en 1956 besocht er de High School yn it provinsje­stedsje Taree, dêr’t er him as puber de paria fan de klasse fielde om’t er út ’e bush kaam, mei in oar aksint prate en in grouwe jonge wie. Hie de oergong fan Bunyah nei Taree al enoarm west, dy nei de metropoal Sydney soe Murray letter “in wiere kultuershock” neame. Hy stie trije jier ynskreaun oan de universiteit, helle dêr nea heger as in seis, en neffens eigen sizzen moat syn bachelor-graad Ingelske taal- en letterkunde “de minst distingearre” west hawwe dy’t de universiteit ea takend hat.

Murray wie feitlik autodidakt en benammen ynteressearre yn kennis dy’t er brûke koe as dichter, net as akademikus. Hy ferdjippe him yn biology, natuerkunde, moderne en klassike Europeeske talen, Sineesk, psychology en moderne letterkunde. Syn feilleas ûnthâld en ûnbidige talekennis moatte legendarysk en foar elk ferbjusterjend west hawwe. Hy prate floeiend Dútsk, Italjaansk en Spaansk, koe him yn ’e measte oare West-Europeeske en Skandinavyske talen (it Nederlânsk ynbegrepen) goed fersteanber meitsje, en ek yn it Russysk, Sineesk en Yndonesysk aardich út ’e hoeke komme, is de hiting. En dochs foel dat allegear wei by syn grut gefoel foar de taal fan de poëzij. Murray publisearre syn earste gedichten om 1960 hinne, yn in tiid dat er sels noch sykjende wie.

Hy lifte nei Súd- en Noard-Australië (ôfstannen ferlykber mei dy tusken Moskou en Madrid), lijde oan in hieltyd slimmer wurdende depresje en sliepte yn 1961 en 1962 moannen oanien as dakleaze yn in park yn Sydney. Mear út kleare needsaak as fanwegen bining mei de Australyske provobeweging, fûn er yn 1962 ûnderdak yn in kreakershûs, dêr’t foaral de froulju him in frjemde ferskining fûnen. Net earder as doe’t er yn 1963 troude, him it jier dêrop bekearde ta it katolike leauwen en syn selsfertrouwen as dichter oanwûn, kaam er yn rêstiger farwetter.

Nei syn poëzijdebút, The Ilex Tree yn 1965, soene hânfollen tsjokke bondels folgje, en yntusken makke Murray furoare yn it bûtenlân. Yn 1971 joech er syn baan as oersetter foar de Universiteit fan Canberra en ek it lektorskip fan útjouwerij Angus & Robertson deroan, om him alhiel út te lizzen op de poëzij. Syn gedichten ferskynden yn oare talen en suver jier op jier wie makke Murray literêre omreizen oer de wrâld. Hy krige foar syn dichtwurk tal fan literêre prizen, wêrûnder yn 1996 de T.S. Eliot Prize foar de bondel Subhuman Redneck Poems (1996), en is de ôfrûne desennia faak neamd as kandidaat foar de Nobelpriis.

Dy erkenning hat er net mear krigen, mar de op dy manier net ambisjeuze dichter sil der net ûnder lijd hawwe, of sa’t Ter Balkt al wist: “Hij was bezig met iets groters dan het ego.” Dochs klinkt der in ‘ik’ troch yn de fersen, dy’t troch de eachhierren hinne autobiografysk binne, en tagelyk fierder geane as it libben fan de dichter. Murray hat syn depressiviteit bewust bûten de poëzij hâlde wold, en oars der in humoristyske of positive twist oan jûn. Yn dat ljocht sei er oer Eliot: “Hy wie in grut dichter, mar in minne ynfloed. Hy hie it ûngelok dat er lijde oan in depresje, en depressiviteit waard ek de hearskjende toan fan it modernisme. Ik haw my fierder fan syn ynfloed holden as myn tiidgenoaten. Ik woe net dat myn poëzij in ferlingstik fan myn wanhoop wurde soe.” Murray hat eksplisyt oer syn depresje skreaun yn Killing the Black Dog (2011), in autobiografysk essee mei ferwizingen nei syn eigen fersen. Allinnich dêr koe er de Swarte Hûn lyk yn ’e snút sjen, weromblaffe, en him úteinliken dressearje: “I said to the Black Dog: You bastard, you make me cry, I’ll make you sing…”

Oersetter Maarten Elzinga hat soarge dat Les Murray syn poëzij ek yn it Nederlânsk ‘sjongt’, of alteast klinkt, troch syn beide blomlêzingen: De slabonenpreek (1997) en De planken kathedraal (2013), respektivelik ferskynd by Meulenhoff en De Harmonie. Elzinga wie yn 1994 yn in fertalershûs yn Dútslân dêr’t in kollega-fertaler ûndersyk die nei kij, foar de oersetting dêr’t sy yn dy tiid oan wurke. Elzinga wie benijd, lies by har oer ’t skouder de begjinrigels fan ‘The Cows on Killing Day’ en wie dalik ferkocht.

Datselde oerkaam Eppie Dam doe’t er De planken kathedraal oantúgde. Syn Fryske oersettingen binne op dy twatalige útjefte basearre en meidat Dam de gronology oanhâldt, ûntstiet ynherint in byld fan Murray syn ûntjouwing as dichter, dêr’t altyd syn libben trochhinne skimeret. Doe’t Ted Hughes yn 1998 Les Murray foardroech foar de ‘Queen’s gold medal for poetry’, woe The Bard of Bunyah de priis net wegerje. Foar syn besite oan Buckingham Palace – yn 1999 – die er in donker, romsittend trijedielich pak oan en knikte nei Her Majesty. Majesteit knikte werom. It wie in beskieden bûgjen fan twa kanten. Fers2 rommet de kommende moannen plak yn foar dizze dichter en makket in djippe bûging foar syn wurk.

Mear fan Friduwih Riemersma

Njoggen en in heale tip oer drave en date en seks Krekt as wy yn kontakt komme mei in bline reizger falt de koartsichtichheid op dêr’t wy it konsept sense of place mei brûke
De tafel fan Eppie Dam en Gerrit Terpstra ‘Skilderjen is poëzij dy’t mear sjoen as field wurdt en poëzij is skilderjen dat field wurdt ynstee fan sjoen.’
De wearde fan poëzij Shelleys ‘In Ferdigening fan Dichtkeunst’ opnij besjoen
In memoriam Hedzer Oostra It ferhaal fan ús freonskip begjint feitlik trije jier lyn, op sa’n Novembermoarn dy’t troch syn ferfeelsumenshellip;
In ferdigening fan dichtkeunst Hiemsiik fan Elmar Kuiper, as nomaden in tinten teplak fan Sytse Jansma en Brek dyn klank fan Abe de Vries
De kulturele kwestje & hoe dy op te lossen Kultuer, Fryslân, taal, identiteit, bestjoer en selsbewustwêzen foarmje in hieltyd gaoatysker amalgaam dêr’t de yndividuele opiny en de selsferkleare eigen leafde foar Fryslân (en Europa) yn sintraal stean
Mytology menear. Jo witte wol werom It Ensafh-Spesjaalnumer ‘Germanen yn de Fryske literatuer’ jout de lêzer te tinken
Sosjale situaasjes yn de Gysbert-shortlist De longlist foel al op troch it út de wei gean fan extreme reading
Libbje stearleas, rijke tonge! Libbje, Gijsbert! It profesjonele fjild as spil tusken literêre prizen en kultureel kapitaal
Ferlet fan Frysk In Deltaplan foar it Frysk kin net ophâlde nei de paragraaf ûnderwiis. It komt oan op in belied dat soarget foar ferlet fan it Frysk
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15