Diaspora fan minsklik kapitaal

De karakterisearring yn it oeuvre fan Sjieuwe Borger

Friduwih Riemersma - Fers2 nû. 3, 29 jannewaris 2015

Dit essee rjochtet him op in polityk- en kultuerkrityske skôging fan literêr wurk. Dy oanpak bout fuort op de krityske teory en feministyske literatuerkrityk dy’t de manier fan ôfbyldzjen fan de wrâld yn literatuer socht te dekonstruearjen as transmisje fan ideologyen en dominante sjenswizen. It bestudearjen fan histoaryske en aktuele ûntjouwingen yn de (polityk-)kulturele ynfrastruktuer biedt de mooglikheid fan in blik op kulturele oerdracht en de rol fan ferskate kulturele ynstituten yn it fjild, dy't op har bar de literêre krityk en de resepsje fan literatuer beynfloedzje.

In ferhaal is nea folsleine fiksje

It oeuvre fan Sjieuwe Borger spilet hieltyd yn it heechoplate miljeu. It aktive engaazjemint mei oplieding is dêr leech. De kar foar of de opbringst fan oplieding wurdt dêrom net befrege, mar is in automatysk produkt fan ier learde rûtines. Oplieding sprekt fansels, muoite foar wittenskiplike ferdjipping wurdt net dien, tankberheid foar de spesjale maatskiplike kâns is der net. Opmerklik is dat de akademyske oplieding dy’t Borger beskriuwt lykas yn de realiteit wol in yntellektueel-eksperimintele hâlding ferûnderstelt, mar tapassing op it eigen libbenspaad fynt dy komplekse foarm fan tinken net. Yn de werklikheid—en ek yn de trije romans fan Borger—komt kompleks tinken wol ta stân as der in brek mei de gewoane rin fan it barren is en him in situaasje foardocht dêr’t gjin skript foar is. De protagonisten fan Borger sille lykwols gjin radikaal oare omstannichheden mei meitsje. Werklike diversiteit is der net yn har omkriten. Elkenien bliuwt blank, blûn en heechoplaat.

De skôging fan in oeuvre giet gewoanlik oer ferskillen en oerienkomsten fan de wurken binnen it oeuvre en ferliking bûten it oeuvre mei de stylperioade of de streaming dêr’t it oeuvre ta rekkene wurdt. Ommers de mooglikheden om deselde idee út te drukken mei ferskillende grammatikale struktueren, synonimen en termen ôfstimd op it berikken fan de doel-lêzer en it bedoelde effekt, binne grut. Fan de skriuwer wurdt in bewuste kar ferwachte op grûn fan syn yntinsje mei de tekst en fan syn persoanlike foarkar. It resultaat fan dy kar, de styl, soe konsistint yn de tekst en somtiden yn it hiele oeuvre wêze en dêrneist maklik werkenber foar de lêzer—alhoewol faak dreech te beskriuwen. Fan in oeuvre leit dus in literêrhistoryske of literêrkrityske stylanalyze foar de hân, oanfolle mei in semantyske analyze nei hoe’t de skriuwer syn teksten ta betsjutting komme lit. Oan de postmoderniteit fan de karakterisearring yn Borgers oeuvre kin dan net foarbygien wurde. De net-gearhingjende, út de foegen skuorde, ‘tinne’ karakters—se passearje de tiid mar folje gjin romte—typearje de beweging fan postmoderne skriuwers dy’t gaos as ûnûntwynber of sels wêzentlik beskôgje en hielendal net as eat dat oerwûn wurde moat.

Mar dit essee sil de protagonisten net literatuerkritysk besjen; it sil de karakterisearring ûndersykje troch de lins fan politike, histoaryske en kulturele krityk. De reden dêrfoar is net dat it ûndersykjen fan postmoderne karakterisearring problematysk is om’t karakter in typysk modern konsept is dat yn de postmoderne literatuer feitlik net bestiet. De reden is dat de ferhâlding tusken literatuer en werklikheid altyd problematysk is. Literatuer is nea hielendal optocht mar ferwiist likemin nei in klear lizzende besteande realiteit. It is net legitym om in ferhaal te sjen as in ferslach fan feiten, mar it it likemin mooglik om in ferhaal, as ûnderdiel fan it corpus fan ferhalen út it beskate tiid en kultuer, nét oan te gripen as in ferklearring fan ús condition humaine. Alle trije romans fan Borger binne karakterromans, dêr’t de protagonist mei maatskiplik gâns kânsen út in minne situaasje, ien fan leechte en liddigens, troch in yngreep yn syn libbenspatroan en fia in proses fan ûnderfiningen nei in nij perspektyf laat wurde sil.

Mei-inoar kultivearjen fan stúdzje en ferstân

Yn It ferrin fan de tiid (2005; tenei FT) fynt in Fryske jurist Sybren—tsjin de tritich jier, earst single en letter yn in net-oertsjûgjende relaasje, die nei de middelskoalle yn Grou in rjochtestúdzje yn Grins en krige oanslutend wurk as jurist—gjin oansluting yn De Haach, seit syn goed betelle baan op om werom yn Grins te promovearjen yn de rjochten, moetet dêr in middelbere skoallefreon dy’t sosjaal en emosjoneel yn ’t ferfal rekket, promovearret yn inkelde jierren cum laude en blykt net by steat wat foar de freon te betsjutten. Yn Genesis abbekatekantoar (2008; tenei GA) sjocht Sybren nei acht jier wurk as universitêr dosint en wittenskipper de wittenskip as in feilige finzenis, hy ferlit de rjochtefakulteit yn Grins foar in baan as abbekaat yn Ljouwert, wat net de útdaging en karmooglikheden yn it libben bringt dy’t beëage wiene en gjin nije perspektiven jout. Dizze Sybren—in jier as tritich, oant likernôch side 60 partner fan Yfke, gjin bern—hat nei it skriuwen fan syn proefskrift daliks in oanstelling as dosint krigen oan de universiteit fan Grins, in posysje dy’t oare wittenskippers tige ambiearje, mar dy’t him net befrediget. De plot fan Simmer oan ’e Pikmar (2011; tenei SP) liket him earder yn de tiid ôf te spyljen. Studint Sybren—22 jier, opgroeid yn Grou, gymnasiumlearling yn it Hearrenfean en no yn Grins in studint mei goede sifers—fynt it “maklik dat [er omgiet] mei lju dy’t stúdzje en ferstân ek belangryk fine en om dat mei harren te kultivearjen, mar dat is [him] genôch” (s. 8), hat in fakânsjebaan yn de horeka yn Grou om’t er jild nedich hat foar it nije stúdzjejier mar ûntseit himsels it alkoholtoerisme oan de Pikmar net en wrakselet in simmer lang sa mei syn libben en leafdes dat it oan him foarby giet hoe’t in buorman syn frou fermoardet en yn de tún begraaft.

Oplieding is net sasear belangryk of boarne fan in hege status as dat it normaal is. “Eksamen hie se net mear dien, se hie de skoalle ferlitten, wat my ûnmoolk like.” (FT, s. 6) “‘Ik ûntdek no just de ûnbekende kanten fan mysels. Ik ferbreedzje mysels, soest der bliid om wêze moatte. (…) [I]k bin no mear. Ik ûntjou mysels. En wat dy stúdzje oangiet, dêr kin ik net foar wei, oars krij ik myn staazjeferklearring net. Dat bier smakket nammers lekker.’” (GA, s. 31). “En fuort skeaten Sybren allegearre neidielen oangeande maklik libben yn it sin. Net neitinke, net kritysk wêze, gewurde litte, sljocht lizze, barbaredom.” (SP, s. 13) Opmerklik is de ymplisite superioriteit fan de protagonisten. “‘[W]êr is al dat learen goed foar? Ik freegje it jo.’ ‘Sa’t jo sizze Bartele, foar jim soarte folk is it net ta nut, jim hiene as boerefeint learskoalle genôch,’ sei Sybren.” (SP, s. 107)

Sybren is in anty-yntellektualist want kennis tsjinnet neffens him as basis foar aksje en gewin: “‘Ik wol net mear allinne dingen sjen, ik wol dingen hawwe.’” (SP, s. 8) Mar anty-yntellektualisme wie karakteristyk foar Barteles arbeidersklasse: “‘It houtsjefabryk wie in útkomst (…) en dat jildt ek foar myn bern en bernsbern. No ja, dy hawwe fansels al wat leare moatten, mar dy fjouwer jier mafû hawwe se winlik hielendal neat oan hân.’” (SP, s. 107) Krekt yn de jierren 1970 ûntstie it besef dat hurd wurkjen net fansels sosjale mobiliteit bringt en dat, as men net berne is yn wolstân en mei talinten, oplieding de kaai ta sukses is. Dat nije idee stie net los fan in sosjale, nivellearjende ynkommenspolityk mei in mear egalitêre ynrjochting fan it ûnderwiis en in selsûntjouwingsfilosofy. De fraach is oft skoalkar en persoanlike ambysje, dy’t foar in part gearhinget mei kultuer en opfieding, sa maklik los te keppeljen binne fan de klasse dêr’t men yn berne is as men tocht. Dat liket al sa. Yn 1970-1971 studearren yn Nederlân hûnderttûzen studinten yn it heger ûnderwiis en de tagong ta wittenskiplik ûnderwiis waard ferromme sadat der yn 2012 234 tûzen WU-studinten wiene. Dy sifers sizze lykwols net alles want de befolking is tanommen en de leeftydsopbou is feroare en ek docht bliken dat net-westerske allochtoanen mar 15 prosint fan de heger ûnderwiisstudinten útmakken yn 2010-2011. It persintaazje net-westerske allochtoanen wie yn Fryslân yn 2011 ien oant trije prosint, tsjin njoggen oant 37 prosint yn de rânestêd. Dus heger ûnderwiisstudint

Noch minder ‘>normaal’ is studearje yn Fryslân troch it ûntbrekken fan in universiteit. Bacheloropliedingen binne der yn Fryslân, mar sûnt it ‘Heare-akkoart’ fan 1989, dy’t de útruil regele fan ûnderwiis nei Fryslân en kultuer nei Grins, is it wittenskiplik ûnderwiis yn Grins konsintrearre en it heger beropsûnderwiis yn Ljouwert. Beropsopliedingen, heger of net, binne op beropsynhâld en tapassing rjochte, dus feitlik net op stúdzje. In HBO-diploma fia de havû wie yn 2011 it fluchst en it goedkeapst. Dat paad wurdt it meast folge en bachelorûnderwiis is dêrom hiel wat oars as it logyske gefolch fan in gymnasiumdiploma en it ‘neitinken’, ‘kritysk wêzen’ en ‘selsferbreedzjen’ fan Borger syn protagonisten. Yn Fryslân wennen yn 2008-2010 njonken de oare provinsjes in leech oantal heechoplate minsken (25-65 jier) en de stêd Amsterdam hat it heechste oantal heechoplaten. Opmerklik is it lytse oantal WU-studinten dat út wennet yn de stêd Ljouwert; de measten bliuwe by de âlders thús te wenjen, bûten Ljouwert—in situaasje dy’t gâns ferskilt yn de oare studintestêden yn Nederlân en dy’t der op wiist dat de WU-studinten nei fan doel binne om harren yn Ljouwert te fêstigjen. Nei it heljen fan it bachelordiploma gean se wer fuort en nimme har opdiene kennis mei. Ek de Fryske jongeren gean nei it ôfstudearjen massaal nei it westen fan it lân en har kennis is fuort. Net foar neat wol de provinsje Fryslân, neffens har kultuernota, “jongeren binnen hâlde” en in foarm fan wrâldboargerskip ûntwikkelje om “jongerein fêst te hâlden.”

Wurk is wol needsaaklik mar net genôch

Brain drain is de populêre term foar de flecht fan minsklik kapitaal, dus fan yntelliginte, heech oplate, talintearre minsken, út in ûntwikkelingsgebiet nei in plak dêr’t se better betelle wurde of dêr’t de kondysjes better foar harren binne, wat makket dat ik gebiet dat se efterlitte bejeftige minsken ferliest. Is Fryslân dan in ûntwikkelings­gebiet? Eastlik Fryslân waard yn de begjinjierren fyftich troch troch it Ministearje fan Ekonomyske Saken oanwiisd as ien fan de ûntwikkelingsgebieten dy’t hurd yndustrialisearre wurde moasten om de efterstân yn ekonomyske ynfrastruktuer tsjin te gean. In útgongspunt fan it belied wie dat migraasje út de Fryske Wâlden nei it westen fan it lân ta de hege wurkleazens yn eastlik Fryslân oplosse koe. De meganisaasje fan de lânbou soe ta in massaal fuortgean fan lânarbeiders liede en benammen de Fryske Wâlden dêr’t in soad lytse boeren wurken, soe leechrinne. Dy yndustrialaasje kaam net goed op gong, ûnder oare troch in yngewikkeld en net tige leanjend subsydzjesysteem foar wa’t it weagje woe yn de efterbleaune gebieten te ynvestearjen. De eksodus fan lânarbeiders slagge better; yn it westen naam de wurkleazens hurd ta. Ein jierren fyftich kaam der in beliedswiziging. De ûntwikkelingsgebieten hiten no probleemgebieten, mei probleemdoarpen lykas Twizelerheide en Oerterp. De stimulearringsaktiviteiten dêr waarden rjochte op yndustry en al gau ôfboud. Krekt mear as tsien jier letter, as yn de jierren santich de jeugdwurkleazens hopeleas heech is—ek yn Grou dêr’t Sybren dan nei de legere skoalle giet—soe de ideology opkomme fan oplieding as betingst foar ekonomyske wolfeart en yndividuele mobiliteit. Ek hjoed wurdt de jeugdwurkleazens yn Fryslân oanpakt mei weromlieding nei it ûnderwiis. Mar as der gjin wurk is bliuwt dat symptoombestriding.

Minsklik kapitaal omfettet alle oanwêzige kennis of karakteristiken fan de arbeider, oanberne of opdien, dy’t bydraacht oan syn of har ‘produktiviteit’. Sa’n brede definysje hat it foardiel dat net allinne tocht hoecht te wurden yn jierren fan skoalling, mar ek oan alderhanne oare karakteristiken dy’t diel útmeitsje kinne fan minsklik kapitaal­ynvestearring. De kwaliteit fan de oplieding heart dêrby mar ek de yndividuele arbeidshâlding. En dat rekket oan de neidielen fan de brede definysje, want by ferskillen yn beleanning fan wurknimmers kin dat hiel goed oan harsels, dat wol sizze oan de eigen skills of, faker, de eigen kar op de arbeidsmerke lizze. De konvinsjonele manier om minsklik kapitaal te mjitten wie it opliedingsnivo, gewoanlik it part fan de befolking mei in bachelorgraad en dêrboppe. Mar ûndersyk út de begjinjierren fan it millennium suggerearret dat wat men no docht folle mear seit oer it minsklik kapitaal as wat men leard hat. Dêrneist binne nije ynsjoggen dat de geografyske fersprieding fan minsklik kapitaal net inkeld ôfhinget fan wurk mar ek fan de oanwêzichheid fan universiteiten, of fan fasiliteiten, of fan tolerânsje en iepenheid foar diversiteit. Heechoplaten hearre relatyf faak ta de beropsbefolking mei wurk. Mar yn de perioade 2007-2009, dus om de finansjele crash hinne, wurke mear as ientredde fan de heechoplaten yn Nederlân ûnder syn opliedingsnivo. Foar de froulju yn Fryslân jildt dat it oandiel heechoplaten al leech is en fan wa’t wol heech oplaat is wurkje relatyf in soad ûnder har nivo. Dat kin in kar wêze, mar oannimliker is dat der gewoan net genôch wurk op nivo is. Dat Fryslân gjin universiteit en gjin diversiteit hat is hjirboppe al sein en oan hokker fasiliteiten dy’t Fryslân oantreklik meitsje foar heechoplaten en har gesinnen men tinke mei is net dúdlik. Oan behâld fan it idyllysk lânskip yn alle gefallen net want asfalt en beton krije gewoanlik foarrang, just om de wurkgelegenheid.

It ferwyt oan de weromkommmer

Likegoed komme de protagonisten fan Borger werom, ien nei syn Fryske (âld)studintefermidden yn Grins, ien nei Ljouwert en ien nei Grou. De reaksje op dat weromkommen is net dúdlik. Dat komt om’t de figueren yn de romans fan Borger ôfsidich en ûnthecht binne. De lêzer krijt gjin kontakt mei se, wat feroarsake wurdt troch in temin oan belutsenens by en ynteresse yn de omkriten fan benammen de protagonisten. Sybren nimt gjin stânpunt yn, of op syn heechst in abstrakt of ambifalint stânpunt dat net folge wurdt troch hanneljen: “‘Eins is it út, tusken my en Matilde (…) Net dat wy inoar frijlitte.’” (SP, s. 8) Faak ek krije saken in disproporsjoneel, foar de lêzer net neifolchber belang, lykas de fassinaasje foar in klasgenoat fan de middelbere skoalle jierren earder: “Underweis nei hûs en thús mealde it him yn ’e holle om en hy kaam net út ’e rie, de fraach nei de betsjutting fan dy glim mêde him sa ôf dat er him gauris deljoech.” (SP, s. 19) De iennichste eksplisite reaksje op it weromkommen is fan Sybren yn Grou: “It wie dochs begrutlik dat men jins hiele libben yn it doarp bliuwe moast en dan ek noch tangele wie mei sa’n wiif.” Syn stream of consciousness giet fierder: “Men waard oanpart fan dit doarp omdat jins folk dat wie, de lju tochten rjochten op jin te hawwen. Men wie de soan fan de learaars op de mafû. (…) Nettsjinsteande hold [Sybren] ek fan dit doarp (…) Mar hy woe net opgean yn de minsken dy’t der wennen.” (SP, s. 11) Minsken dy’t harsels ta de hege (midden)klasse rekkenje binne yn it algemien lokkiger, sûner, mear tefreden mei har wurk, oplieding en gesin- en wenomstannichheden as minsken út de midden- of leechste klasse en de kâns dat se skea ûnderfûn ha fan de ekonomyske malêze is lytser—SP kaam út yn 2011 doe’t de noardlike provinsjes it iene nei it oare baneplan lansearren om de skea fan de resesje te beheinen. Sybren hat benammen mear mooglikheden om syn karriêre en priveelibben sels foarm te jaan, wat foar leger oplaten meastal oars is. It komt net by Sybren op dat it wurk dat hy ien simmerfakânsje docht, yn de horeka yn de iennichste groeimerke dy’t Fryslân noch hat, it simmertoerisme, wol ris de baan wêze kin dêr’t in oare Grouster it syn hiele libben lang mei rêde moat.

Sybren dy’t yn De Haach gjin sosjale oansluting fûn komt werom yn Grins de âlde freon wer tsjin, dy’t ûndersyk docht nei optochte histoarje lykas de Prioarij fan Sion en úthâldt dat syn heit wittenskipper wie by Ahnenerbe, it nazy-ûndersyksynstitút nei de argeology en kultuerskiednis fan it Aryske ras. Sybren wol de komplotteoryen net samar ôfwize en siket op ûnkrityske wize freonskip binnen deselde sosjale klasse: “‘Wittenskiplik ûndersiker, dat bin ik ek. Dat er by Ahnenerbe wurke hie, hie ik net ferwachte. ’” (FT, s. 31) Sosjale klasse hat in effekt op de ynteresses en ferdivedaasje-aktiviteiten. De hege klasse hat bettere boarnen dus hja hâlde fan styl en ferfining, spylje bridge en tennis, lêze boeken en besykje keunstútfieringen. “Matilde en ik sneupe yn boekhannels om en geane nei museums en it teater.” (SP, s. 8) Tillefyzje sjen is goedkeap en dus in typyske lege- en middenklasse-aktiviteit dy’t him min ferhâldt ta Sybrens libben: “Swijende ieten wy fierder. Nei it ôfwaskjen gongen wy foar de tillefyzje sitten. Om healwei njoggenen gie ik nei boppen om de fakliteratuer by te hâlden. Yfkje bleau mei in glossy op ’e bank foar de tillefyzje sitten.” (GA, s. 8).

De identifikaasje is dus net mei de grûn en de minsken mar mei de heechoplate klasse. Foar de protagonisten yn it oeuvre fan Borger is dat gjin probleem om’t der genôch minsken binne út dy klasse en om’t der gjin oanwizingen binne dat er troch efterbleaunen net mear akseptearre wurdt. Yn de werklikheid giet de reverse brain drain, dus it weromkommen fan de yn it bûtenlân heechoplate yndividu yn syn thúslân, mei tal fan sosjale en emosjonele problemen mank. De yn Silicon Valley oplate IT-ers út Ynje nei’t de dot com bubble spatte en de banen ferdwûnen werom moasten nei Ynje hie dêr de frije merke de ekonomy al fertuten dien en Ynje koe de IT-ers hiel goed brûke. Mar, al stiet fêst dat belied om de brain drain en de reverse brain drain te kearen in negatyf effekt hat op kennisûntjouwing en ekonomy, brain drain is foardieliger foar de yndividu as de maatskippij en dat wurdt de weromkommer faak ferwiten, wat syn re-yntegraasje dreger makket. Noch slimmer is dat effekt as de wurknimmer der yn it lân dêr’t er oplaat is, troch in miks fan belied en omstannichheden, net yn slagge is om te yntegrearjen en dan nei weromkear opnij net, troch de beskuldiging dat syn fuortgean maatskiplike ôfbraak feroarsake hat. Yn Ynje late dat ta in dûbelde bining; hielendal as der noch net genôch wurk wie en men foar in part ôfhinklik bleau fan putsjes út in lân fan oplieding, bleau de blik op it bûtenlân rjochte. Dêrneist binne de weromkommers faak ekstra marzjinalisearre om’t yn har thúslân in yntellektuele sosjale boppelaach ûntbrekt.

Apolityk as life style

“Ik siet my op kantoar mear as helte fan tiden út inoar te hâlden fan ferfeling en de skyn fan drokte op te hâlden,” seit Sybren. (GA, s. 114) As rjochtestudint wurket er yn de horeka yn Grou en fansels freget in kollega oft it net foldocht yn Grins: “‘Koest dêr net in baantsje fine?’” (SP, s. 7) Ek de ayo-funksje en it promovearjen yn FT giet Sybren hiel maklik ôf; de weromkommer wurket dus ek yn it oeuvre fan Borger ûnder syn nivo. Dat ferklearret lykwols de ûnthechtheid fan de karakters net want se ûnderfine de problematyk fan marzjinalisearring net. Earder komt it ûnthecht wêzen fan har yndividualisme—“‘Wy hawwe it goed, mar moat ik it dêrom litte, moat ik dêrom stilsitte? (…) It is foar myn ûntjouwing goed om ris wat oars te dwaan.’” (GA, s. 8)—dat him yn SP manifestearret as in selssuchtich eksistin­sjalisme“‘Minsken hawwe allinne rjocht op harsels, om in eigen libben te lizzen en te stribjen nei lok’” (s. 8)—en yn FT as etysk egoïsme—“Se sei dat dat in minske earst yn de alderdjipste bedelte sitte moast, dan wie it der oan ta om út himsels wer by de wâl op te krûpen. Goaitsen hie dat punt noch lang net berikt” dus mei him prate is net rasjoneel. (s. 130) It yndividualisme betsjut dat eigen belangen altyd foargean en dat sosjale ynfloeden steurend of, yn Borgers oeuvre, gewoan net nijsgjirrich binne. Dus de protagonisten fan Borger binne har net bewust fan har sosjale eigenskippen, ynbegrepen har reverse brain drain. Oars as yn moderne realistyske romans dêr’t figueren ûnoannimlik selsbewust binne, libje yn werklikheid minsken faak sûnder kultureel of polityk bewustwêzen. Slim is dat net. Bewustwêzen is net foldwaande en strikt nommen ek net needsaaklik om te wrâld te ferbetterjen en boppedat makket de op de eigen geast rjochte blik immen ekstra narsistysk.

Dat binne de karakters al genôch. Se sizze in leechte te ûnderfinen, net yn de wrâld mar yn harsels en se binne faak net by steat dat mei oaren te besprekken: “‘Witst, ik fyn myn libben in lege húl.’ ‘Ja, dat is neat foar dy, no Sybren.’” De lêzer ferwachtet in motyf foar it weromkommen; leechte, of de ûnderfining dêrfan, skept de mooglikheid fan beweging, mar de rjochting fan dy beweging—werom—is dêrmei net ferklearre. En noch plotmjittich, lykas fia ferwizingen nei nihilisme of morele leechte, noch leksikaal binne der tekens fan legens, dus Sybrens útlis is ûnneigeanber foar de lêzer, as in monolooch: “‘Fan de bûtenkant liket it hiel wat, ast goede stúdzjerisseltaten hast, mar ast fierder net rjocht witst watst wolst, hast der feitlik net safolle oan.’” (SP, s. 8) It is de kontekst yn it oeuvre dy’t dúdlik makket dat net ‘lege húl of bûtenkant’ de kearn foarmje fan dy riddenearring, mar ‘witte watst (sels) wolst’ en ‘der (sels) wat oan ha.’ De life style fan it yndividualisme, mooglik makke troch de relatyf rike maatskiplike kânsen fan de protagonisten, produsearret it rezjym om de libbensstappen bewust te kiezen, en dêrmei ek de driging fan leechte dy’t inkeld mei in taastber doel wjerstien wurdt—‘net dingen sjen mar dingen hawwe.’ Ezra Pound sette al fraachtekens by oplieding; it gie meastal net om kennis. Resint sosjologysk ûndersyk wiist op de leechte en it konsumintisme fan heger ûnderwiis. Sukses fan wurknimmers en organisaasjes is faak gefolch fan sekuer pimpte presintaasjes en it CV is wichtiger as bejeftigens en ûnderfining. “‘Do begrypst, wy wolle ús bedriuw ferrykje mei in promovearre jurist. Ien mei in wittenskiplike eftergrûn, dy’t sawol yn de praktyk as oan de universiteit goede kontakten ûnderhâldt.’” (GA, s. 14)

Wat mei men no konkludearje oer de karakterisearring? Fan in polityk- en kultuerkritysk ramt út dit: it ûntbrekken fan sosjaalpolitike ynteresse by de karakters liedt der ta dat der amper bewustwêzen is fan har sosjale omkriten, en hielendal net fan har sosjaalpolitike kondysje as brain drain returners. De diaspora fan it Fryske minsklik kapitaal, in realiteit dêr’t men net omhinne kin, makket gjin diel út fan Sybrens heechoplate libbenssfear. “De betsjinning kaam mei folle bierglêzen. Ik brocht in toast út op ’e akademyske frijheid en frege om in skjinnenien derby.” (FT, s. 157)

  • Borger, Sjieuwe. It ferrin fan de tiid. Frjentsjer: Venus, 2005. Printe.
  • Borger, Sjieuwe. Genesis Abbekatekantoar. Frjentsjer: Venus, 2008. Printe.
  • Borger, Sjieuwe. Simmer oan de Pikmar. Wiuwert: Hispel, 2011. Printe.

De statistyske ynformaasje komt fan it Sintraal Buro foar de Statistyk (www.cbs.nl).

Mear fan Friduwih Riemersma

Dus do tinkst datst skriuwe kinst It Skriuwersboun mient dat se de P.C. Hooftprijs net earlik ferdiele
In Ried foar de Keunst Keunstbestjoer kin net sûnder in offisjele, ûnôfhinklike, selsstannige, saakkundige advysried
Brulloft, s. de [útfeart] oerlis oer in Gysbert-reglemint
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
Kom ta de saak, Gysbert! Kleare prosedueres en trochsichtich belied binne essinsjeel foar betsjuttingsfol engaazjemint fan it grutte publyk.
Autonomy is in posysje under fjoer fraachpetear mei Elmar Kuiper
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15