Opiny
Dus do tinkst datst skriuwe kinst
of, Wêrom’t It Skriuwersboun mient dat se de P.C. Hooftprijs net earlik ferdiele
Noch nea hat in Frysktalich auteur wûn,” stelt It Skriuwersboun ûnderoan syn lêste nijsbrief. Alhoewol’t dy priis der is foar Nederlânske skriuwers, hat gjin Fries him takend krigen, yn alle jierren dat de P.C. Hooftprijs bestiet. Dat is 74 jier, like lang as dat ús eigen heechste ûnderskieding foar Frysktalige literatuer der is, de Gysbert Japicxpriis. Mar fjouwerris hat in froulike auteur de Gysbert wûn. Kinne sy net skriuwe?
Yndie net. In enkête ferline jier lit sjen dat 14.000 Nederlânske lêzers it aardich iens binne oer literêre kwaliteit. Literêre romans kippe derút troch har lagen, wurdgebrûk en struktuer en dat se net fan en oer froulju binne.
As dêr al dialooch oer west hat yn Fryslân is de genderûngelykheid net oplost. Gjin dialooch is mooglik tusken in master en syn slaaf. It útgongspunt fan dialooch is de erkenning fan ’e Oar as lykweardich. Yn it nijste skoalboek oer Fryske literatuer kaam te stean dat Fryslân gjin froulike haadredakteuren fan literêre blêden ken, wylst de skoalboekskriuwer in frou wie en sels yn ien fan ’e tydskriftredaksjes mei in froulik haad sitten hie. Ek is dialooch—‘brêgenbouwe’, ‘ferbine’—gjin ûnderhanneljen, want dat is pingeljen om jo belangen. Mar wêrom soe It Skriuwersboun yn ûnderhanneling gean mei de froulju? Ungelykheid is prachtich foar wa’t it troffen hat.
“[T]he white moderate (…) is more devoted to ‘order’ than to justice,” seit Martin Luther King yn syn Brief út Birmingham Jail. Hy ferliket negative frede, de ôfwêzichheid fan spanning, mei positive frede, de oanwêzichheid fan rjochtfeardichheid. Minsken beklimme de barrikades net foar gelykheid, mar foar earlikheid. Us tinken oer rjochtfeardichheid stuollet op it gelykheidsprinsipe. Dat prinsipe regelet rykdom en ynkommen yn ’e maatskippij troch de pizza gelyk te ferpartsjen, of it moat wêze dat ûngelyk ferpartsjen te’n goede komt oan de ûnfertúnliksten. Dus it Skriuwersbounbestjoer sil prate mei it bestjoer fan de stifting P.C. Hooftprijs voor Letterkunde, oer in gelikense propoarsje Fryske as Hollânske P.C. Hooftwinners.
Oan dy rjochtfeardichheid=gelykheid sille de alderminst bedielden wat hawwe: de froulike Fryske skriuwers. Om de Gysbert egalitêr te distribuearjen moatte dy him earst 28 kear winne. Se hoege dêr neat ekstra foar te dwaan. Dêrom is ‘Rawls’ sa oantreklik en populêr. Mar it ferklearret ek wêrom’t keunstners dy’t Rawls bestudearje moatte like djip fronselje as de P.C. Hooftbestjoerders dy’t aansen petearje mei It Skriuwersboun. Op it stik fan keunstprizen fiele wy it elk-syn-gelikense-pizzapunt as ûnearlik. Wy binne it net altyd iens mei it gelykheidsprinsipe. Dat komt om’t wy hast altyd neidiel helje út tafallige tagongsdrompels en foarsprong út ien of oar privileezje. Wy wurde ôfkealle yn in begoede widze of mei in seldsum talint.
Dat oanberne seldsume talint is wol just wat literêre prizen beleanje. It Skriuwersboun is noch nea, wy hawwe it neifrege, nei de eigner, provinsje Fryslân, of de útfierder, wikseljend en no Tresoar, stapt om te bestriden dat de Gysbert Japicxpriis oanberne sjeny lauweret. Gelykheid op himsels wurdearje wy net. Yn ús maatskippij allegearre itselde krije mar te min, betankje wy foar. Ek blykt dat minsken net lilk binne om’t se net itselde krije as oaren, mar om’t har efterstelling ûnearlik is. Dus de distribúsje beheine ta gelike dielen, kwota foar de froulju, of ta in ûngelyk diel foar de ûnfertúnliksten, likefolle hoe hurd oft elk fan ús wurket foar in part fan ’e pizza, dat fielt ferkeard.
Boppedat komme minsken net yn ’t gewear om’t se minder krije as oaren; se wolle gewoan in earlike kâns ha. Lykwols jout in ferdieljende rjochtfeardichheid dy’t rekkenet mei gelikense kânsen en in earlike beleaning foar talint en ynspanning, tink der efkes om Skriuwersboun want wy komme no op it seare plak, wierskynlik ûngelikense útkomsten. Want dat prinsipe is in meritokrasy. Yn ’e distopy The rise of the meritocracy ferdiele se politike macht nei yntellektueel talint en yndividuele prestaasjes (it sil wol útrinne op sekseselektive abortus en famkesmoard).
In goed ferstân is erflik en hurd wurkje kinne is heal erflik en heal oanleard fan de âlden en troch sosjale ferwachtingen. As jo earlike kânsen wolle sûnder ûnearlike efterstelling dan is meritokrasy net it antwurd. De P.C. Hooftprijs net krije is, nei’t jo de sof weislokt ha, in learûnderfining; de geunstelotterij is dat net. Meritokrasy is de billikheid dêr’t se ús heit bejubelje om’t er syn dream ferwerklike hat en wurd keunstner troch it klearebare fermogen fan hurd wurkjen, yntelliginsje en feardichheid? Hy sleepte de haadpriis binnen fan it patriargaat dat ús mem ferlieze liet. It is sa ûnearlik as wat. It is blyn foar de wrâld syn systematyske partidichheid en eksklusive bûtenkânskes. Hoe kin it dat it Skriuwersbounbestjoer dochs leaut yn de leagen fan lean nei wurkjen, krije wat jo fertsjinje?
Dat dy nei it P.C. Hooftbestjoer tastapt om “mear kâns” op ’e priis te regeljen, tsjut op miskennen fan de beoardielingstaak fan keunst. Hoe solide oft in keunstsjuery syn ynterpretaasje fan in wurk ek grûnet op ynformearre kennis, wittenskiplike oanpak en begryp fan it kreative proses, men docht syn jierrenlange saakkundichheid ôf as persoanlike smaak en ferhoalen sympatyen. De ‘dea fan ’e ekspertize’ makket elke lekemiening like falide: P.C. Hooftwinner Alfred Schaffer hat stikken minder skreaun as Tsead Bruinja! Lis dat mar ris út, Hooft!
Tagelyk hat de keunstwrâld in heareakkoart om de fasade fan meritokrasy op te hâlden. In keunstpriis moat respektabel bliuwe en dêrom it stelsel ûnderskriuwe dat de talintearren kiest en nei foaren skoot om de prestaasjes dy’t se leverje (de wurdboekdefinysje fan meritokrasy). De meritokrasy is typysk in stelsel fan wedstriden, sadat jo de bêsten derút pikke kinne. De ymplisite oanname is dat beleaning en prestaasje yn lykwicht meiinoar binne. Dat ferûnderstelt dat de prestaasjes mjitber binne: meritokrasy is boud op mjitbere meritis. Yn de sport slagget dat wol. Wa’t knock-out yn ’e arena lizzen bliuwt hat ferlern. Yn ’e keunst kin meritokrasy allinne foar safier’t de keunstprestaasje mjitber is.
Mar de mjitte fan keunst is ritich. It stabylst is noch de kanon; om dy te reprodusearjen, de taak fan museums en keunstprizen, is yn ’e Nederlânske topmuseums 84,1 persint fan de keunstners manlik. De rest is de som fan kânsen, súksessen en de goeie kroades: nepotisme, op besite by in machtich P.C. Hooftbestjoer sadat wy “mear kâns meitsje.” Rekket de kwaliteit fan in keunstner fertocht dan besmet dat alle kurators, samlers en útjouwers deromhinne en syn wearde giet yn frije fal. Der is gjin oare manier om de wearde fan keunstwurken te skatten as de merkpriis, de 15 euro dy’t de konsumint jout foar in dichtbondel fan Elmar Kuiper of Abe de Vries. Want meritokrasy yn de keunst kin net.
Koarts, it libben is ûnearlik en ús biologyske en sosjale erfskip beheint de kontrôle oer ús yndividuele fermogen en keunst kin samar út de graasje falle om’t wy de keunstmerk net yn ’e hân hâlde kinne, oftewol de populariteit fan in keunstwurk is foar in part subjektyf. Yn al dy ûngelykheid telt it Skriuwersbounbestjoer de titel ‘skriuwer’ as mjitbere fertsjinste. It ferjit it snjitsje earlikheid dat der wiswol 74 jier lang wie: de P.C. Hooftprijs is gjin elitêr komplot, it smart dy priis sa earlik mooglik út oer de literêre kanon. As jo net ivich praten bliuwe wolle oer ‘artistic merit’, kreatyf sjeny en de utering fan in minske syn nommelste djippe ‘ik’, dan hat “een oeuvre van eminente kwaliteit” objektive artistike en estetyske kwaliteiten.
Tajûn, feitlik giet it om hiel breed dielde konvinsjes fan subjektive klasse: goed literêr skriuwen is in selsbewuste, fantasyrike skriuwtrant dy’t gjin wurden brûkt om ynformaasje oer te dragen mar as in keunstfoarm. Estetyske kwaliteit komt fan styl, lykas de sekuere opbou en taal keazen om de retoryk fan stream, lûd, toan, rym, ritme en de gefoels- en beskriuwende krêft. Alle fiksje is magy, mar dat is simpelwei in effekt fan technyk. De artistike kwaliteit is de reaksje op it libben en de artistike opset. Keunst, seit Gadamer, moat wat sizze, wat sjen litte oer der wrâld sa’t dy is, wêze moatte soe, wurde sil. Goeie literatuer helpt ús om in wrâld te iepenjen dy’t wy gewoanlik net sjen kinne. Binnen dy easken hat elke skriuwer kontrôle oer syn “kâns”. Jimme tinke dat jimme skriuwe kinne? Kom mar op.
As de Fryske skriuwers dy’t te min kâns ha op in P.C. Hooftprijs no earst hurder wurkje en jou har skriuwerskip kredyt, dan komt it grif goed mei de rjochtfeardige distribúsje fan P.C. Hooftprizen, ommers sa te sjen is de iennichste pizza dy’t net gelyk ferparte is tusken Hollân en Fryslân dy fan serieuze selskrityk.
Mear fan Friduwih Riemersma
De priis op ’e nij besjoen Takenning en útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2021 |
‘Al te persoanlik’ feit de Gysbert-manko’s moai yn ’e dôfpot |
Gjin sjueryrapport foar de Gysbert Japicxpriis 2021 |
Kultuerkontrole De nije macht fan ús kultuerynstitúsjes berikt mêden dy’t earder bûten it bestjoersfoech leine |
Stimleas yn it auditoarium Palimpsest, in sterk dichtdebút fan Erik Betten |
Kalamiteit by de leveransier Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot |
By besunigingsweach: gean fan ’e terp ôf En panykje net, of, Hoe’t De Rouwe syn analogy kopke-ûnder giet |
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’ |
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten |
Dit bart der as jo McGonagall oersette of, de mof fan Thiadmer Riemersma |