image

Poëzij

Geloksykster op ’e-fyts

Yva Hokwerda - Fers2 nû. 17, 3 oktober 2015

Yn it swiete bitter heden

fyts ik tinkelbeljend nei bestimming

en ik flok soms op dejingen

dy’t hjir op myn paad

om-

jachtsje, fleane, flybje,

busse, treine. Ride,

minsken fan ’e sok en fan sorry

dan gjin praat.

Guon dy moatte swimme, roeie, rinne,

drage en mar rjochtopsteande lizze.

Middenman dy’t plokt en ús omsoarch

leit yn ’t laad.

Yn dit swiete bitter heden

ha wy ’t stimmentellend oer beklimming

-om de gok fan al dy inkelingen-

fan de stekken om ús steat.

Op it trange paad nei Jousumbuorren

in asylsyker, noch sa lyts

ûnderweis belâne op it strân

leit foar ivich yn it sân

Op it smelle paad nei Snakkerbuorren

bin ’k geloksykster op ’e-fyts

ûnderweis yn in feroarjend lân

mei ús eangst as folksfijân.

Mear fan Yva Hokwerda

Loaiingeaster leafde Reformaasje raasde noardewyn oer Fiifgeaster grn/ it makke dat – om 1580 hinne – dizze man ferdwûn
Elegy foar Marina (Rilke oersetting) O, dy ferliezen yn ’t al, Marina, dy fallende stjerren!
Je suis Charlie Hebdo dit lead, lead, lead út namme fan/ dyn leauwen/ om myn leauwen