abe de vries cor wielsma image

Ferskriftliking en ferboargerliking fan Fryske literatuer

It wurk fan Cor Wielsma (1845-1922)

Abe de Vries - Fers2 4.4, 25 febrewaris 2018

Foar Koop Scholten

Algemien wurdt de dominante kultuer yn Nederlân fan de desennia om 1900 hinne sjoen as ‘boargerlik’, wat sizze wol dat dêryn de noarmen en wearden fan de boargerlike middenklasse bepalend wiene.Werner Sombart, Der Bourgeois (Duncker & Humblot, München/Leipzig 1913-1920), s. 23-25. Materialisme, trou oan gesach en it stribjen nei respektabiliteit stiene dêryn sintraal.Werner Sombart, Der Bourgeois (Duncker & Humblot, München/Leipzig 1913-1920), s. 23-25. De hieltyd fierdergeande demokratisearring makke dêrby in ein oan de erflike regintekultuer fan it midden fan de ieu, dêr’t ‘1848’ al in gat yn slein hie. In ferpyldere oligargy kaam yn it plak fan de âlde liberale elite en stribbe nei konsensus mei de eigen efterban en ûnderskate subkultueren.James C. Kennedy, Nieuw Babylon in aanbouw. Nederland in de jaren zestig (Boom, Amsterdam/Meppel 1995), s. 13-14. De sosjale groep fan de boargerij kaam nei de útwreidingen fan it kiesrjocht yn 1887 en 1896 definityf yn it sintrum fan de maatskiplike macht te stean. Foar de literatuer, as keunstfoarm, hie dat grutte konsekwinsjes. Sa’t Adorno opmurk,

The correspondence between closed historical developments in art and, possibly, static social structures indicates the limits of the history of genres; any abrupt change of social structure, such as occurred with the emergence of a bourgeois public, brings about an equally abrupt change in genres and stylistic types.Th. Adorno, Aesthetic theory (Continuum, Londen/New York 1997), s. 209.

De belangrykste feroaring dy’t om 1900 hinne yn de Fryske literatuer syn beslach krige, is de ûntjouwing fan in meast sekundêr-orale nei in meast skriftlike literatuer.Goffe Jensma, ‘Meartaligens en autonomisearring fan de Fryske literatuer om 1900 hinne’, Us Wurk 66 (2017), s. 148. Mei sekundêr-orale literatuer wurdt literatuer bedoeld dy’t ornearre is om foarlêzen of foardroegen te wurden. Foar in yngeande behanneling fan formele en ynhâldlike ferskillen mei literatuer dy’t inkeld bedoeld is om te lêzen, sjoch Walter J. Ong, Orality and literacy. The technologizing of the word (Routledge, New York 1982, 2002). Foar in earste tapassing op njoggentjinde-ieuske Fryske literatuer, sjoch Nienke-Jet de Vries, Fan Selskip nei mienskip. Masterskripsje RUG, 2014. It is in oergong dy’t Goffe Jensma okkerdeis yn Us Wurk beskreau as in gean fan kroech nei skimerlampe, fan sprektaal nei skriuwtaal, fan folkstaal nei kultuertaal, fan folksskriuwer ta lyrikus, fan moralist ta sielesjogger en fan tydskrift nei bondel.

De feroaringen dogge har foar as ferskynsels yn in Fryske ‘cultivation of culture’, mar betsjutte ek in ferboargerliking fan de definysje fan kultuer. Wat der yn de kroech oan literatuer bestiet, mei no neffens de kritikus dy namme net langer hawwe. Keunst en kultuer wurde losweakke út it sosjale libben – as in proses fan en foar minsken – en begjinne har gong nei l’art pour l’art en de autonome ‘wiere’ foarm, dy’t los stiet en ûnthechte is fan de praktyk fan it libben.Sjoch Peter Bürger, Theorie der Avantgarde (Berlin, Suhrkamp 1974). De skriuwer krijt pantoffels oan, djippe emoasjes en in kopke tee fan de frou. Mar wy sille ál, ek, sjen moatte nei ynhâldlike en sosjaal-ideologyske aspekten fan literatuer. Jensma driget yn alle gefallen it krityske karakter fan in protte ‘folksskriuwerij’ ûnderstek te dwaan as er dat werombringe wol ta moralisme:

Net langer wie [de skriuwer] de moralisearjende figuer dy’t syn publyk op humoristyske wize witte liet wat der yn de wrâld en oan de minsken eins folle better koe en moast.Goffe Jensma, ‘Meartaligens en autonomisearring fan de Fryske literatuer om 1900 hinne’, Us Wurk 66 (2017), s. 158.

It liket de muoite wurdich om hjir wat djipper te dûken yn in belangryk literêr sjenre dat troch de akademys oant de dei fan hjoed skoudere is. Want krekt it sosjaal-ideologyske aspekt kaam no just sa sterk nei foarren yn it njoggentjinde-ieuske Fryske realisme. Dat is foar it meastepart in literatuer fan en foar subalterne en deprivearre groepen: de folkstaal pratende lytse boargerij, lange tiid mei amper politike sizzenskip. It hat gauris in krityske en emansipatware funksje yn in maatskippij mei grutte machtsûngelikens, striid om wat wy no wilens as minskerjochten sjogge, kennis- en kânsferskillen, materiële en geastlike ûnder­ûntwikkeling en earmoede. De lettere literêre krityk lykwols, dy fan ‘’15’ en dêrnei, komt meast fan skriuwers út ferskriftlike en ferboargerlike sosjale strata, byinoar hâlden troch entûsjasme foar Frysk nasjonalisme as maatskiplik medisyn; mei út dat ferskil is de koartsluting tusken de Jongfryske Mienskip en it Fryske realisme te begripen.

Dat literatuer in wjerspegeling is fan de maatskippij, is in algemien erkend feit. Literêre teksten, as werjefte fan minsklik hanneljen, binne in spegel fan sosjale ideologyen en dêrop ek te befreegjen, troch jins antinne ôf te stellen op wat Terry Eagleton neamt ‘modes of feeling, valuing, perceiving and believing which have some kind of relation to (..) social power’.Terry Eagleton, Literary theory. An introduction. Second edition (4e pr., Blackwell, Londen 2003), s. 10. Ien fan de Fryske skriuwers om 1900 hinne waans wurk rekket oan sosjale en geastlike machtsferhâldingen, is de Grouster Cornelis Wielsma (1845-1922). Tsjintwurdich fierhinne ferjitten, mar wat him nijsgjirrich makket is dat syn skriuwen him beweecht yn it grins­gebiet tusken in mear sekundêr-orale, sosjaal engazjearre, en in mear skriftlike, nasjonalistyske en boargerlike Fryske literatuer. Wielsma skreau fan 1867 oantemei 1915, op ’e doe folle floeiender grins tusken mûnling en skriftlik, ynearsten foar in publyk dat sljocht wie op foardrachten en toaniel yn ’e folkstaal, dat sadwaande grutbrocht wie mei teatraliteit, en dat faak net of net goed genôch leard hie om (literêr) Frysk te lêzen. Dat dêrta, út Frysksinnich perspektyf wei, dus oantrune wurde moast, yn in tiid dat skriftlike kommunikaasje yn it Nederlânsk, mei de opkomst fan de kranten, sterk oanboaze.

Fryske skriuwers op dy oergong wurken needsaaklikerwiis yn twa registers, om’t se twa soarten fan publyk betsjinje woenen: de taharkers en de lêzers. Yn beide registers stie de folkstaal en dêrmei it belang fan net misferstien te wurden foarop. Mar wylst de skriuwer fan sekundêr-orale tekstenSjoch Peter Bürger, Theorie der Avantgarde (Berlin, Suhrkamp 1974). in dúdlik idee hie wa’t syn publyk wie – dat die ommers wol bliken by de foardrachten, meast skreaun foar beheinde toernees lâns bekende sealtsjes -, moast de skriuwer fan lêsteksten syn lêzer mear sels meitsje. ‘The writer’s audience is always a fiction’, neffens Ong; de skriuwer ‘has to make his readers up, fictionalize them.’Walter J. Ong, ‘The writer’s audience is always a fiction’, PMLA 90-1 (Jan. 1975) 9-21, s. 11. It (ûnbekende) publyk fan in skriuwer fan lêsteksten stiet ûnder it skriuwen derfan wol op folle gruttere ôfstân fan de auteur as it (bekende) publyk fan in skriuwer fan foardrachten en lieten:

Writing calls for difficult, and often quite mysterious, skills. Except for a small corps of highly trained writers, most persons could get into written form few if any of the complicated and nuanced meanings they regularly convey orally. One reason is evident: the spoken word is part of present actuality and has its meaning established by the total situation in which it comes into being. Context for the spoken word is simply present, centered in the person speaking and the one or ones to whom he adresses himself and to whom he is related existentially in terms of the circumambient actuality.Walter J. Ong, ‘The writer’s audience is always a fiction’, PMLA 90-1 (Jan. 1975) 9-21, s. 10.

Dêrút folget dat sekundêr-orale Fryske literatuer benammen referearje sil oan it aktuele deistige libben, oan ‘the total situation in which it comes into being’, en dus ek oan sosjaal-ekonomyske, politike en religieuze konteksten. Ferskriftlike literêre kommuni­kaasje lit dy aktualiteitspretinsje just fierhinne los. It komt fierder op ofstân fan de sosjale werklikheid te stean. Foar de reële wrâld is der yn it lêste fearnsdiel fan ’e ieu de krante; fia krante en telegraaf koe de ‘newspaper writer (..) bring his reader into his own on-the-spot experience’.Walter J. Ong, ‘The writer’s audience is always a fiction’, PMLA 90-1 (Jan. 1975) 9-21, s. 15. Yn de skriuwerij ûntstiet in fierdergeande arbeidsferdieling. Foar it elemint reportaazje, dat yn it realisme sa sterk fertsjintwurdige is, komt hieltyd minder plak yn wat as ‘echte’ of ‘goede’ literatuer beskôge wurdt.Th. Adorno, Aesthetic theory (Continuum, Londen/New York 1997), s. 7. In literêre skriuwer yn in ferskriftlikjende kultuer moat neffens boargerlike noarm yn mear frijheid op syk nei himsels, syn psyche, nei it persoanlike, it bysûndere, nei lyryk, ferdjipping, kontemplaasje, nei in eigen styl, en nei in eigen ‘author-reader intimacy’.Th. Adorno, Aesthetic theory (Continuum, Londen/New York 1997), s. 14.

Hoe hat Cornelis Wielsma him yn dat proses fan moderni­searring as Frysk skriuwer posysjonearre? Dat lit him ôflêze oan syn oeuvre as men besiket fragen te beantwurdyjen lykas: foar watfoar publyk wiene de teksten ornearre, hoe stelde er him dat publyk foar, hoe spruts er it oan? De hypotese is hjir dat de ferskriftliking fan it Fryske realisme, dêr’t de literêre statusfiguer Wielsma in typearjende fertsjintwurdiger fan is, om 1900 hinne in konservative ferboargerliking fan literatuer mei him meibrocht. Mei dat lêste ferwiis ik nei de mjitte wêryn’t dy literatuer de sosjale ideology wjerspegelet fan de kultureel hegemoniale sosjale groep,

de klasse van de burgerij, die op allerlei manieren aan haar dominante plaats in de toenmalige samenleving consequenties kon verbinden: in de benaming van hogere burgerschool voor een moderne vorm van onderwijs tot en met het burgerlijk mecenaat, in de betekenis van het liberalisme en in de bevordering van de wetenschap.Jan Bank en Maarten van Buren, 1900. Hoogtij van burgerlijke cultuur (Sdu, Den Haag 2000), s. 18.

As belangrykste tekens fan konservative ferboargerliking fan literatuer om 1900 kinne beskôge wurde it ûntbrekken fan politike en kulturele solidariteit mei ûnderlizzende sosjale groepen en de bypassende konstruksje fan in nasjonalistyske ideology ‘die met moeite een middelpuntvliedende samenleving bijeen moest houden’.Wessel Krul, ‘Het fin-de-siècle als vertoning’, BMCN 117-4 (2002), 519-525, s. 520. De Fryske Selskipsliteratuer, yn it bysûnder it lette wurk fan Wielsma (en bygelyks ek it romantisisme fan J.B. Schepers en it lyrisisme fan Jan Jelles Hof en Simke Kloosterman) ferfollet foar de Frysksinnigen presys dy funksje.

Earst bring ik yn it fierdere fan dit stik koart de resepsje fan Wielsma syn wurk yn kaart, in resepsje dy’t sels ek it produkt is fan ferboargerliking. Dêrnei folgje fjouwer paragrafen oer it oeuvre sels, en dêrby komme foaral de sekundêr-orale en sosjaal-krityske aspekten oan de oarder fan it betide wurk (1867-1894), de foardrachten foar it Twadde Winterjounenocht (1895-1899) en de lettere koarte gedichten (1901-1906). Dan folget in paragraaf oer de seis Nederlânske oersettingen dy’t Wielsma yn 1905 makke foar H. Majesteit, Keninginne Wilhelmina.C. Wielsma, Een zestal zangen uit het Frysk Lieteboek. In ’t Nederlandsch overgezet door C. Wielsma (Van der Spoel, Grou 1906). Ik slút ôf mei konklúzjes.

Resepsje

Fan Cornelis ‘Kees’ Wielsma wurdt sa by de tiid lâns noch wolris in berneferske priizge.Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennise (1938; 2e pr. Laverman, Drachten 1957), s. 182-183: ‘Mar mear as folksskriuwer is er dochs ek yn syn (..) moaije berneferskes - der binne nei him hast gjin bettere skreaun.’ Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (1977; 2e pr. Afûk, Leeuwarden 1997), s. 64: ‘(..) aardige berneferskes (‘Us Bijke’ bygelyks).’ Hy stiet yn ’e boeken as fernijer fan berneliteratuer,J. van der Weg-Laverman. ‘”In bern leart net in bît, as hy gjin îwer het”. Fryske bernelyryk yn de 19de ieu’, De Vrije Fries 69 (1989); Ib., ‘Van Alphen en Gouverneur in Friesland’, Literatuur zonder leeftijd 7 (1993). skriuwer fan lieten, ferhalen en foardrachten, en ek as dichter fan de ‘Rymkes’, fan wat Jan Piebenga ‘pittige koartdichten’ neamt.Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennise (1938; 2e pr. Laverman, Drachten 1957), s. 182. Syn foardrachten ‘tsjinnen it modernere Winterjûnenocht, dat om ’e ieuwiksel hinne fan moraal langer net witte woe’, meldt Klaes Dykstra, Piebenga syn opfolger as hânboekskriuwer, dy’t blykber noait nei de teksten fan Wielsma en fan Meindert Rozenga sjoen hat.Dykstra en Oldenhof (1997), s. 64. De opmerking sit der neist; sjoch myn essee oer Meindert Rozenga, mei Wielsma de grûnlizzer fan it Twadde Winterjounenocht. It nijste Fryske literatuerhânboek hat Cornelis Wielsma net mear helle, oars as yn ’e fermelding dat er meidogger wie oan de karsamling It jonge Fryslân (1882).Tineke Steenmeijer-Wielenga, ‘Meer literatuur voor meer mensen. Van 1822 tot 1915’, yn: Teake Oppewal e.o., Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Bert Bakker, Amsterdam 2006), s. 88.

De wurdearring hat wolris grutter west. Yn ’e rûnte fan it Frysk Selskip – dêr’t Wielsma as opfolger fan Waling Dykstra fan 1903 oantemei 1913 foarsitter fan wie – mar ek dêr bûten wol, waard by syn libben, en dalik nei syn dea, neffens kranteberjochten en resinsjes de humor yn it oeuvre wakker op priis steld. ‘Hy is onze beste Friese Puntdichter’, hie Foeke Buitenrust Hettema yn 1903 al in kear opmurken.F. Buitenrust Hetttema, ’Friese literatuer IX’, Leeuwarder Courant (26 oktober 1903). Jan Jelles Hof priizget nei de dea fan de skriuwer it ‘puntige’ wurk syn ‘tige folksrieme trant’ en sjocht it as ‘blijmoedich’ en ‘grappich’: ‘Hy wier in humorist dy’t meitelde.’[J.J: Hof], ’C. Wielsma †’, Nieuwsblad van Friesland (6 jannewaris 1922). Der komt nei dan ek al gau in spesjaal Wielsma-betinkingsnûmer fan It Heitelân út.Mei bydragen fan R.W. Canne, J.J. Hof, S.L. van der Burg en O.H. Sytstra, It Heitelân 5-4 (28 jannewaris 1922). Onno Sytstra rommet Wielsma syn priis­útrikkings­fersen, koarte rymkes, berneferskes en foardrachten foar it Twadde Winterjounenocht. It wurk krijt ek in plus om’t der út blykt ‘det Wielsma for ús Frysk immen wier, dy hwet bitsjutte en det er as Foarsitter fen it Selskip keazen waerd, wier gjin wûnder’.O.H. Sytstra, ’C. Wielsma’, It Heitelân 5-4 (28 jannewaris 1922), s. 40. Op syn rol as taalstrider komt ek Sjirk van der Burg, syn opfolger as foarsitter fan it Frysk Selskip, hy memorearret syn freonlik begroetsjen fan it nije Kristlik Frysk Selskip yn 1908.Mei de wurden: ’Der is in sterke bân, dy’t ús allegearre forienet, to sizzen de ljeafde for ús taal.’ S. v.d. Burg, ’Ald-foarsitter Wielsma’, It Heitelân 5-4 (28 jannewaris 1922), s. 41. Jan Jelles Hof mei graach oer Wielsma syn ‘gewoane’ Frysk.J.J. Hof, ’Wielsma syn Frysk’, It Heitelân 5-4 (28 jannewaris 1922), s. 42.

Serieuzer besykjen ta refleksje op Wielsma syn wurk komt fjouwer jier letter fan toanielskriuwer en Heitelân-redakteur R.W. Canne, dy’t in libbensbeskriuwing besoarget.R.W. Canne, ‘C. Wielsma’, It Heitelân 8 (1926), s. 110-111, 122, 134-135, 146-147, 158-159, 173-174, 182-183, 195-196, 208-209, 220-221, 266-267, 278-280. Nei in pear bernefersen komt er op it ferbân tusken Wielsma syn iere dichtsjen en syn lidmaatskip fan it Grouster toanielselskip Thalia, hy neamt dan it sarkastyske ‘It snidersliet’ út 1867 en it skabreuze ‘Martsen’ út 1886 as foarbylden fan sosjaal skerp wurk dat ek wol yn toanielfoarstellingen brûkt waard. Hy komt ek op de priis­útrikkings­gedichten, merkesangen en de ferhalen yn For Hûs en Hiem oer it doarpslibben yn Grou. Dat alles, neffens Canne, woartelet yn it folk, de skriuwer is ‘meifielend, djip bigripend de minsken om him hinne’. Syn wurk giet oer minsken ‘fen flesk en bloed’, kearneftich delset mei har trêften en ûnhebbelikheden, yn har gewoane libben, dêr’t se mei humor en sang it bêste fan meitsje. It bewiist

[D]et in skriuwer net hâlden is om hwet wat gewichtichs to fertellen, net eat fen bitsjutting ûnderfoun hoeft te hawwen om fen in libbensmomint in stikje literatuer to meitsjen. Ja, as ‘t der om giet, den is eigentlik elk momint yn it libben fen in gefoelich minske bilangryk en fen bitsjutting, nea gewoan, mar altyd bisûnder, as men it neigean kin en it fyn to fetsjen wit.R.W. Canne, Heitelân 8-18 (1 maaie 1926), s. 208.

It is mei oare wurden wurk yn ’e tradysje fan it Fryske realisme, de ‘folksskriuwerij’. Mar, en dat rint yn ’e resepsje yn it each, tagelyk bliuwe de polityk-sosjale posysjes of tendinzen dy’t dat Fryske realisme faak sjen lit op it mêd fan emansipaasje, demokrati­searring en frijtinkerij fierhinne yn it tsjuster. Canne jout, nei âlde mar te beskriemen Selskipstradysje, in glêdstrutsen Wielsma, de humorist, folksskriuwer, minskekenner, taalstrider – net de krityske keunstner.

It betide wurk

Yn 1949 is der yn Grou noch in Wielsma-betinking: in tinkstien yn in muorre fan it wenhûs, in taspraak, de skriuwer byset yn ’e rangen fan âlde taalstriders, en dan it lid op ’e sarkofaach.De stien hat as opskrift: ’Hjir libbe en stribbe Master C. Wielsma foar Fryske tael en frije Fryske sin’. ‘Master Wielsma: Frysk skriuwer bitocht’, Nieuwsblad van Friesland (3 jannewaris 1949); ’Master Wielsma betinking’, Frisia (7 jannewaris 1949). Om 1980 hinne pykt er wer oer de râne as Jelsma wat oer him opmerkt, en stiet er ús klear foar eagen as Van der Molen oer it Winterjoune­nocht skriuwt.G. Jelsma, ’Twa revolusjonaire toanielskriuwers út de ein fan de foarige ieu’, It Beaken 44-5/6 (1979) s. 291-310; S.J. van der Molen, En ús Harke mei syn kleare kop. (60 jier Fryske Winterjûnenocht) (Lykele Jansma, Stynsgea/Stifting FFYRUG, Grins 1984). Mear as tritich jier earder hie Van der Molen al wiisd op de bysûndere kwaliteiten fan Wielsma as Winterjounenocht-skriuwer op in lêzing foar it Snitser Frysk Forbân mei de titel ’Fan Winterjounenocht ta Frysk cabaret’. Ferslachje yn De Heerenveensche Koerier (20 febrewaris 1951). Der is dan, ynienen, ek omtinken foar wat oars as humor: foar de polityk-sosjale tematyk yn it wurk.

Jelsma neamt de liettekst ‘Tofreden of net’ (1890), en Van der Molen hat sels ‘ris lêzen, dat Wielsma ek in fers, in liettekst, skreaun hie dat útsutele waard om stakers yn it Beetster turflân oan jild te helpen. Dat wie yn de 90-er jierren.’S.J. van der Molen, En ús Harke mei syn kleare kop. (60 jier Fryske Winterjûnenocht) (Lykele Jansma, Stynsgea/Stifting FFYRUG, Grins 1984), s. 85. Beide tsjutte se lykwols op itselde fers. Wielsma syn earste útjouwer Bouma yn Grou – soan Arend Bouma wie in sweager fan Wielsma syn frou – advertearre der mei yn it SDB-blêd Recht voor Allen fan Domela Nieuwenhuis: ‘Oan de Friezen yn Hollân. Bij Fortuin te Amsterdam is it sankje “Tofreden of net?” fen C. Wielsma to Grou to krijen. Keapje allegjerre ien, hja kostje 2 cinten, jimme meije ek wol maer jaen, de opbringst is fôr de lijers te Beets’.Advertinsje yn Recht voor allen (3 maaie 1890). Dy liettekst, in utering fan solidariteit mei de feanarbeiders mar ek in oanfal op de ‘tefreden’ boargerij dy’t oan ’e kant stean bliuwt, beslút sa:

Stiest op dyn rjucht

om mei to witten

ho’t alles scil

en heart en mat,

bljuw net tofreden,

hwent wrychtich, dat is

libben-dea!

Striid mei for forbettring,

gjin earlik man birêst yn kwea.C. Wielsma, yn ‘Friesland 1813-1863: beeld van veranderingen’, Leeuwarder Courant (17 desimber 1963).

Van der Molen merkt fierder noch op dat it betide ‘It snidersliet’ (1867) in kûplet oer Bismarck syn lantsjepikpolityk hat. Mar der binne yn it betide wurk folle mear passaazjes oan te wizen as dat hy dien hat, dêr’t Wielsma syn humoristyske skriuwerij in sosjaal-kritysk karakter krijt. Yn it betide oeuvre falt benammen op dat skerp stelling nommen wurdt yn de religieuze diskusjes fan ’e tiid, fóar it ‘nije ljocht’ en tsjin de protestantske ortodoksy. Ek út 1867 datearret it gedicht ‘It kaertloeren’, mei in frijmoedich pleit foar mear ferstân yn it leauwe. Men moat net samar alles leauwe wat fan de kânsel ôf sein wurdt:

Foar ’n fyftich jier leawde earm en rîk

Hwet Dominy mar sei,

Al wier ’t ek noch sa stumme brîk:

It kaem by Hear-um wei.

Nu wirth it mode mear en mear,

’t Geloof mei ’t brein to stiuren,

Sa wit en boer sa’n prekehear

Faek în ’e kaert to loeren.C. Wielsma, Iduna (1867), s. 96.

Fan mei oardiel, hel en duvel driigjende ‘swiere’ dûmnys moat men it net hawwe, seit yn datselde jier it fers ‘Ik ha ’n ore smaek’.C. Wielsma, Iduna (1867), s. 81-83. It (typysk liberale) motyf wurdt gauris werhelle. Yn it liet ‘Ieltsjebiten’ út 1872 seit in omke ‘fen ’t nye ljocht’ dat men mei ‘fine liuwe (..) beskiten’ wurdt, ‘krekt as mei stourein’.C. Wielsma, Forjit my net! 2 (1872), s. 90-91. In jier letter yn ‘As ’t net kin sa ’t moat, den moat it mar sa ’t kin’ krijt in frijsinnich dûmny net folle gehoar. Mar as er mei hel en ferdommenis begjint te driigjen, rint de tsjerke fol. It boadskip is dat it lân syn ferstân ferliest yn tsierderij.C. Wielsma, Forjit my net! 3 (1873), s. 141-142. Ek yn 1875 moat de ortodoksy it belije om’t er jern spinne soe by it byleauwe:

Der binn’ de leste tiid op ny

In bulte wûnders bard;

Dy kinstjes ha de dompery

Al faek de bûse smard.

Hju tinkt it folk, troch list op list,

It helter ou to strûpen,

For ’t bygeloof în ús tiid is ’t

Ek pompen ef forsûpen.C. Wielsma, Forjit my net! 5 (1875), s. 125-126.

Twa jier letter nimt er de ‘Minsken, dy’t mei hjar gelove to wrâld komme’ op ’e kerrel, yn in frije ferfrysking fan ‘De wereld der traditie’ fan de frijsinnige Nederlânsktalige dichter P. de Genestet.C. Wielsma, Forjit my net! 7 (1877), s. 77-78.

Mar yn ’e tachtiger en njoggentiger jierren ûntbrekt fan Wielsma sok materiaal yn Forjit my net! Hy bringt yn it Selskipsblêd dan inkeld noch silers- en priisútrikkingssankjes. It ‘pittiger’ wurk wurdt puntdicht en sil ferhuze wêze nei de Fryske Skoer-Almanak fan Waling Dykstra (dêr’t spitigernôch lang net alle ôfleveringen fan bewarre bleaun binne) en hjir en dêr wat yn Troelstra syn blêd For Hûs en Hiem. Yn de almanak foar 1895 stie bygelyks dit satiryske ‘Divelbandersresept’, letter ek yn de Ljouwerter krante te finen, dat de praktiken fan lju op ’e kerrel nimt dy’t simpele, byleauwige minsken de sinten út ’e bûse klopje mei kwaksalverij:

Nim ien en tachtich krobben,

For ’n botsen diveldrek,

Saun wartebiterseagen,

In hjelpoun gêrstich spek,

In minglen bêste yettich,

In libne pod, it read

Fen trije hôfdousaeijen,

Keniel krap oardel lead.

Lit alles mei ’n-oar siede

Oer trettjin turven en

In biezemstôk, salang as

It dêr op siede kin.

Brûk dêrfen moarns in foarkfol

En jouns in leppelfol,

En jowt it dy gjin bate,

Den wit ik ’t oare wol.C. Wielsma, Leeuwarder Courant (4 maart 1907).

Ek sjocht yn 1882 noch syn fers ‘De stôk by de doar’ it ljocht, in spotdicht op de kadaverdissipline yn it leger, opnommen yn It jonge Fryslân.P.J. Troelstra, O.H. Sytstra en T.E. Halbertsma, red., It jonge Fryslân (Hepkema, Hearrenfean 1882), s. 113-114.

Dêrnei is de Doleânsje op kommendewei (1884-1886) dy’t hjir en dêr wakker oanslacht en it liket derop dat Wielsma him wat bedimmet en syn skriuwen ferleit nei nostalgyske doarpsoantinkens en berneferskes. In earste spesimen fan dat lêste sjenre, ‘En Sinte Klaes-sankje for de bern’, hie al yn 1868 yn Iduna stien, mei in noat fan samler Gerben Colmjon derby. Hy bidt de dichter om ‘al skielik ris wer de rîmpinne for ûs frîske bern up to nimmen. Mei de ûtjefte fen en boekje mei sukke stikjes scoed er ûs lîtzen en greate deugd dwaen.’Iduna (1868), s. 154-155. Sa’n boekje sil yndie ferskine yn 1886.C. Wielsma, Foar de bern (Heerenveen, Hepkema 1886). Yn 1887 ferskine seis fan syn ûnskuldige brulloftssankjes yn boekfoarm.C. Wielsma, Seis brilloftsankjes op bikende wizen (Bouma, Grou 1887). As it jier dêrnei Troelstra him by For Hûs en Hiem behellet, leit er him foaral ta op it skilderjen fan it (foarbije) doarpslibben fan Grou. Fan 1889 oantemei 1900 stiet der boppedat net in gedicht fan him yn Forjit my net!

It Twadde Winterjounenocht

It liket der op dat Wielsma yn syn politike skriuwerij wer oantrune is, earst troch de foardragerij yn Grou en miskien wol foaral troch it kontakt, fan 1895 ôf, mei de Hallumer skriuwer, sjonger en foardrager Meindert Rozenga (1854-1901).

Sjoerd en syn frou Rein binne Wâldpiken dy’t in foege heidehut timmere hawwe yn ‘dy earme Westerein’. Mar de earmoede en de honger driuwe har Fryslân yn as sutelers mei negoasje, meast knipers en skrobbers. It jout in sober stikje brea en op syn moaist ‘in nachtkertier yn ’t hea’ by in grouwe greid- of bouboer, sjonge se. En bytiden wurde je ek wol fan ’e doar jage en bidler neamd. Sokke skriuwerij makket dúdlik dat de ‘lytse man’ de doelgroep is dêr’t Wielsma syn sympaty nei útgiet. Itselde boekje bringt syn liet ‘Waersiik’, oer ‘waersiike Sije’ dy’t gauris swartsjocht en de H.H. politisy te De Haach foar praatsjemakkers útmakket:

Er komme yn den Haech hûndert mannen byien,

    En derûnder binne forskate,

Sa bûtengewoan fen ’e tongrime snien,

    Det se altiid en tige moai prate.

Ik neamde dy wetsmeijerij

    Sims rounút in kletsmeijerij.

(..)

Mar ’k wol for det wird, det gjin pas jowt for my,

    De hearren forjiffenis freegje,

Dy’t troch hjar oanhâldende kriichpraterij

    It lok fen ús lân sa forheegje.C. Wielsma, M. Rozenga, D.H. Zijlstra, S. v.d. Burg en Jm. Nieuwenhuis, Fryske foardrachten en sangkjes (Van der Velde, Ljouwert 1895), s. 13.

Om dalik dêrnei it publyk te herinnerjen oan Kain en Abel en ‘hwet ús maetskippij / wol weismyt oan de oarloggerij’:

Langlêsten wier ’k waersiik (der ’s neat oan to dwaen)

    En ’k sei: det formoardsjen fen Abel

Scoe grif mannich kristen gjin ergernis jaen,

    Wier ’t bard mei ’n gewear aef in sabel.

Yn de sjongfoardracht ‘Teake fiskerman’ lit Teake him ûntfalle dat ‘de hearen yn den Haech’ mear yn noed stean foar de fisken as foar de earme fiskers. De stedske froulju wolle net genôch betelje foar syn snoek, en dan binne der ek noch manlju ‘dy’t ús jimmer op hakken en teannen neigeane en miene, det de fiskerlju yn ’e wrâld binne om de tichthúsen to follen, lyk as de snoeken de bodde’. De lytse man wurdt op ’e fingers sjoen en de hegerein ûntsnapt de dûns, is it boadskip. En soks liket wol erflik. As Teake yn ’e finzenis bedarret, sjongt er:

Us pake wier der al sa faek útfenhûs,

    En ús heit wier der thús as in bern.

Ik fyn er goekinde, mar ’t is er sa deadsk.

    Ja, det is ’t, hwet meast my fortret.

Sjen ik sims myn founis en ’t selskip ris oer,

    ’k Tink: Elk dy’t hjir heart is hjir net.

’k Mis der mannichenien,

    Dy’t knapper as ik yn ’e klean is:

En der ’t min fen wit, hij fisket wol faek

    Op wetter: det seedlik forbean is.C. Wielsma, M. Rozenga, D.H. Zijlstra, S. v.d. Burg en Jm. Nieuwenhuis, Fryske foardrachten en sangkjes (Van der Velde, Ljouwert 1895), s. 41-42.

En as der ris in arbeiderssoan omhegen kliuwt, moat er it net yn ’e plasse helje en sjoch del op syn komôf, seit it liet ‘To folle en to min’ út de twadde samling, Fryske Winterjounenocht: ‘Dy’t greatsk is, is dom; ek by Pier sit it tin: / Forbylding to folle en forstân fiers to min’.C. Wielsma, M. Rozenga en S. Molenaar, Fryske Winterjounenocht. Foardrachten en Sangen (Van der Velde, Ljouwet 1897), s. 6.

Ek fleane de teksten Fryslân wolris út. Yn it liet ‘Oer âld en nij’ ferliket Wielsma de Nederlânske militêre kampanjes yn Atjeh mei de wize sa’t Spanje tsjin de Lege Lannen stried yn de Tachtich­jierrige Oarloch. De Atjeh’ers binne de moderne geuzen en Nederlân sit fout: ‘Hwet ha wy lang tsjin de Atsjineezen fochten; / Hja stride, as stoere helden, for hjar rjochten’.C. Wielsma, M. Rozenga en S. Molenaar, Fryske Winterjounenocht. Foardrachten en Sangen (Van der Velde, Ljouwet 1897), s. 51. Yn ‘De slach’ moatte jildwolf Pier Duit en konsorten it belije, en giet Hear Hoog de Werdegang fan radikaal sosjalist mei dynamyt yn ’e bûse ta Twadde Keamerlid dy’t de folkssaak ferjit. Yn ‘Elk syn liet’ giet it oer kriminele sparbankûndernimmers en oer anty-Ingelske Tys, dy’t de saak fan de Boeren yn Súd-Afrika sa tagedien is, dat er gjin Ingelske tar mear op it sket ha wol.’De slach’ en ’Elk syn liet’ binne te finen yn: C. Wielsma, Ald en nij. Foardrachten (Van der Velde, Ljouwert 1902).

De ‘Rymkes’

Nei de tragyske dea fan Rozenga yn 1901 is der fan sokke politike aksinten yn Wielsma syn foardrachtstikken en lieten, wêryn’t it publyk oansprutsen wurdt op syn progressive sosjale en politike oertsjûgingen, net folle mear te bespeuren. Yn 1902 komt Ald en nij út;C. Wielsma, Ald en nij. Foardrachten (Van der Velde, Ljouwert 1902). Neffens in by Tresoar bewarre bleaun kontrakt mocht de útjouwer der tûzen eksimplaren fan printsje. Dat kin goed ek de oplaach west hawwe fan de eardere foardrachtboekjes fan Van der Velde, mar dêr ha ’k gjin oplaachsifers fan oantroffen. de nije foardrachten en lieten dêryn binne sketsen út it libben fan al den dei fan gewoane minsken, dy’t har lykwols noch amper útfallen nei de hegerein en gjin pikant kommentaar op it lânsbestjoer mear feroarloovje. Itselde jildt foar de samling foardrachten Op ’e planken en foar ’t boerdtsje, dy’t troch Van der Spoel yn Grou publisearre is.C. Wielsma, Op ’e planken en foar ’t boerdtsje (Van der Spoel, Grou 1904-1906). Rige los útjûne foardrachten: ’By Hinke Kaert’, ’Yn ’t stasjon to Wilsterhuzen’, ’Under de letters’, ’Jan en Griet’, ’Hwet de post bringt’, ’It Aprilfeest to Marswier’, ’De brêgerie’, ’Yn goede ierde’, ’Nûmer 13/Fleurige Nynke’.

Sok wurk ferskynt yn deselde tiid dat it foardragen yn Fryslân grutte opgong makket en der hjir en dêr kleid wurdt oer it ‘rouwe en grouwe’ Frysktalige wurk fan oaren dat op ’e planken komt. Wylst men earder just bang west hie dat in part fan it publyk benammen guon fan Rozenga syn stikken te ‘read’ achtsje soe.Sjoch Abe de Vries, ‘Fryslâns fee is hearefee, Fryslâns grûn is hearegrûn’, Fers2 4.1, 14 jannewaris 2018. Web. http://fers2.eu/fryslans-fee-is-hearefee-fryslans-grun-is-hearegrun/. Wielsma lykwols, dy treft no krekt de goede snaar, neffens guon kommentaren. ‘Dit boekje liket ús in pré ta for foardragers. Wierne alle fryske foardrachten mar sa as Wielsma sines!’Nieuwsblad van Friesland (29 novimber 1902). It sinjalemint sil fan J.J. Hof wêze. Ek earder: ‘Verval van kunstsmaak’, Nieuwsblad van Friesland (6 septimber 1902). En letter: ’Praetsjes yn en oer ’t Frysk XIX’, Nieuwsblad van Friesland (24 juny 1905): ’(..) hwet humor den einliks is, lykje folle Friezen net to witten, en dêrom laeitsje se hjar slop om leffe forhaeltsjes oer frijery, en om ’t rouwe en grouwe det ytlike skriuwers en foardragers opdist ha en yet opdisse.’ Mar Wielsma heart dêr net by: ’Master Wielsma tsjucht it gewoane in humoristysk pak oan. Hy wit in sljuchtwei ding sa to fertellen det it hwet bûtenwenstichs wirdt. Syn krêft leit yn ’t forarbeidzjen, yn ’t omstâllen fen ’e stoffe.’

Dy’t dan it iennichste wurk opsiket dat Jan Piebenga mei eare neamt, de samling puntdichten ‘Rymkes’, dy’t Wielsma yn 1901-1902 en 1906 yn Forjit my net! publisearre, treft in rige fan fyftich nûmere fersen oan dy’t mei bysûndere taalmacht, faak in fyn ear en gefoel foar humor skreaun binne, mar dêr’t ek fierder gjin minske in oerke sliep om brek west hawwe sil. Wat fan sosjaal egalitarisme klinkt miskien dan noch troch yn nûmer 2:

Yn ’t spoar wier ’t frjeonlik: „Och, mynhear

Scoen’ jy dat ramtsje tichtdwaan wolle?”

Dat wier mynhear net nei de holle

En ’t antwird brimstich: „Dank je zeer;

Men kann maar klaarstaan voor wie roept;

Ik ben je hond niet!” En de frou,

Dy frege hie, sei dêrop: „Nou,

Den hie ’k jo ek al lang forsûpt.”

Meastal giet it der kalmer oan ta. Froulju kleie oer it sigen fan it iepen treinrút, wolle har dochter in ‘pianine’ jaan (nû. 4), hawwe eangst foar roddel (nû. 24) of wolle moai op petret komme (nû. 44). Manlju wolle hawwe dat der gjin sylskippen farre meie as der kâns op iis is (nû. 5). Of keapje skuon, gjin klompen, yn ’e stêd (nû. 32). Men rêdt him ek wol as der in Frânsman dúdlik makke wurde moat dat syn iten klear stiet (nû. 8), men kin him goed fermeitsje by de kachel mei in harsenskreaker (nû. 12), men kleit dat de toerklok net lykrint (nû. 23), men sakket foar in eksamen (nû. 39), men hat in soan dy is dokter (nû. 46), men is fan doel te skieden (nû. 47). In spoar fan tematyske fuortsetting yn ferliking mei earder wurk jout nû. 28, dêr’t de skriuwer der fanôf wol dat it geloof fan de iene it bygeloof fan de oare is, en útstelt om de saak mar in oare namme te jaan. Dogmatyske ferskillen tusken it griffermearde en it roomske leauwe wurde oantsjut yn nû. 35 (1902).

Mar mear maatskiplik of polityk stelling nimmen is yn de ‘Rymkes’ net oan te treffen. De wrâld dy’t oansprutsen wurdt, is dy fan it hieltyd tefredener Fryske lytsboargerdom, sawol op it plattelân as yn ’e stêd. Satirysk binne dizze koartdichten of epigrammen dan ek net te neamen. Wielsma syn humor hat by alle talige ynventiviteit en skerpe observaasjes altyd wat ôfstân ta subjekt en tafriel; deselde ôfstân wêrmei’t in skoalmaster mei leafde mar foaral irony nei it wol en wee fan de doarpsbefolking sjen kin. Ien fan de lêste ‘Rymkes’, nû. 45 (1906), lit him lêze as in persoanlik reaksje op de striidskriuwerij fan dy jierren, bygelyks tusken J.B. Schepers en Sjouke de Zee yn 1902, oer taalkundige kwestjes fan min en geef en fan ‘neimakke’ en ‘echt’ Frysk. Syn krityk is dan net dat de hearen har better mei belangrikere ûnderwerpen dwaande hâlde kinne, bygelyks mei it skriuwen fan goede en artistyk of maatskiplik relevante Fryske literatuer, mar dat se har as sangerjende bern gedrage dy’t har sin krije moatte:

Der habbe, troch alle ieuwen hinne,

    Op ierde greate hearskers west,

En det se ’r nou ek yette binne,

    Dat witte w’ allegearre bêst.

Men wiist se elkoarren yn ’e fjirte,

    Dy’t Keizer, Czaar ef Sultan hjitte;

Mar ’t slimste soarte, dat ik ken,

    Is ticht by honk: Bidoarne bern.

De Oranjefersen

Wielsma waard sa net inkeld de foarsitter, mar ek de ‘heit’ fan it Frysk Selskip. Hy wie de ideale kandidaat doe’t kommissaris fan de Keninginne B.Ph. van Harinxma thoe Slooten yn 1905 socht om in oersetter foar in kado oan H. Majesteit, Keninginne Wilhelmina. Foar syn seis oersettingen fan sangen út it Frysk Lieteboek krige er yn novimber 1905 fan de provinsje Fryslân in ‘gouden potloodhouder’.‘Vertaalde Friesche liederen’, Leeuwarder Courant (18 novimber 1905). It oare jier joech Van der Spoel yn Grou de oersettingen út yn in lúkse útjefte, yn lizzend formaat, twatalige teksten mei noaten. De Jugendstil-omslachtekening is fan Piet van der Hem, foarstellende de Grykse muzen Erato (fan de hymne, it liet en de lyryk) spyljend op har luit en Kalliope (fan it heldedicht, de filosofy en de wolsprekkendheid) mei in boek op skurte. In Frysk adelsskyld tsjinnet as sinne en de Nederlânske liuw en it Oranje-biedwurd ‘Je maintiendrai’ as fûnemint. Van der Hem (1885-1961) wie doe krekt slagge foar de middelbere akte tekenjen yn De Haach. Yn 1907 mocht er mei in keninklike subsydzje in jier wurkje yn in atelier op Montmartre yn Parys.Resources Huygens. Webside: http://resources.huygens.knaw.nl/bwn1880-2000/lemmata/bwn4/hem. Krigen 31 jannewaris 2018.

De oersette lieten binne ‘Frysk folksliet’ fan Eeltsje Halbertsma, ‘Fryske sang’ fan Tiede Dykstra, ‘Wy, wy litte ús tael net farre’ fan Gerben Colmjon, ‘O God, forlit ús Fryslân net!’ fan Jelle Troelstra, ‘Oranje’ fan L.C. Murray Bakker en ‘Wâldsang’ fan Harmen Sytstra. Yn it koarte foaropwurd seit Wielsma dat er ‘gaarne de vertaling beproefd’ hat ‘van eenige daarvoor aangeduide zangen’, wat tinken docht dat de seleksje fan de fersen net troch him mar mooglik troch de provinsje dien is.C. Wielsma, ‘Een woord vooraf / In wird foarôf’, yn: C. Wielsma, Een zestal zangen uit het Frysk Lieteboek. In ’t Nederlandsch overgezet door C. Wielsma (Van der Spoel, Grou 1906), g.s. De seleksje beklammet it bestean fan in Frysk folk, troch lân, taal, skiednis en sitten ferbûn, dat yn noed sit oer syn taal en syn folksbestean, mar dat fierder o sa trou is oan Oranje op syn fredich plattelantsje. Mar it taalstridersboadskip oan de Keninginne is net maklik mis te ferstean. It komt yn itselde jier dat it earste hantsjefol legere skoallen op oanstean fan it Frysk Selskip, mei Wielsma as foarsitter, begjint mei wat Frysk ûnderwiis.

It entûsjasme foar de monargy en Keninginne Wilhelmina wurdt yn dizze jierren ek yn Fryslân, en benammen yn Ljouwert, ta grutte hichten opswypke.‘Koninginnedag te Leeuwarden’, Leeuwarder Courant (2 septimber 1908). Op Keninginnedagen paradearret it leger troch de strjitten, marsjearret it iene nei it oare muzykkorps troch de stêd, hâlde gimmestykferieningen útfieringen, wurdt yn tsjerke troch dûmny foar it persoanlik heil fan de Keninginne bidden, fermakket de hegere boargerij him mondain mei de hynstesport op de Wilhelminebaan, dêr’t ûnder mear in Prins Hendrik-priis, in Emma-priis en in Wilhelmina-priis ferriden wurdt, der is merke by de skouboarch en ek binne der folksspullen foar jonges en famkes:

Er werd niet veel tijd gegeven om te rusten, want nauwelijks was de parade afgeloopen of op het Wilhelminaplein begonnen de volksspelen, bestaande voor de jongens in kuipjessteken, vaatjeskruien, mastklimmen en ringfietsen met hindernissen, terwijl de meisjes zich bezighielden met het Wilhelminaspel en plaatloopen.‘Koninginnedag te Leeuwarden’, Leeuwarder Courant (2 septimber 1908).

De seleksje fan de foar H.M. oersette teksten is ek opfallend om’t it lieten binne, âldere lieten ek noch, guon mear as fyftich jier lyn skreaun, gjin moderne lêsteksten. It is sekundêr-orale literatuer dy’t troch Wielsma oerset is yn in ferskriftlikjende tiid wêryn’t it besef hearsket dat it Frysk ûnder druk fan it Nederlânsk (‘Hollânsk’) stiet. As Halbertsma it yn syn tredde kûplet hat oer ’t âld folk dat syn taal en frije sin yn eare hâldt, dan bliuwt by Wielsma ‘’s Volks naam en taal in aller hoede veilig’. Dat ‘in aller hoede veilig’ ferriedt de ferboargerliking, dy’t yn de fjirde strofe ferskynt as nasjonale opdracht en ideology. ‘Bliuw’ in griene leat fan de grize folksstamme, skriuwt Halbertsma dêr. ‘Wees (..) nog heden’, set Wielsma oer.

Sa wurdt, ûnder dekking fan Nederlânsk oranzjistysk nasjonalisme, yn it oeuvre fan Wielsma ek in Frysk nasjonaal aktivisme sichtber, dat him mei taalstriid ferantwurdet en dat lykas it Nederlânske nasjonalisme, syn counterpart, sparring partner en gruttere broer – it ‘Fryslân boppe!’ is in werhelling fan it ‘Oranje boven!’ – in oerkoepeljende en ferienigjende maatskiplike funksje neistribbet. Op de Frysk-boargerlike troan sit gjin keninginne, mar de Fryske taal. As Colmjon yn syn twadde kûplet it bestean fan it Fryske folk ponearret, en dat ferbynt mei de taal:

Langer al as tweintich ieuwen

Hat it Fryske folk bistien,

Hat it fen syn leed en wille

Yn dy klanken út’ring dien.

dan set Wielsma yn syn oersetting de taal sintraal en wurdt it folk bysaak:

Langer reeds dan twintig eeuwen,

ze, voor het Friesche volk,

Van zijn denken en gevoelen,

Van zijn vreugd en leed de tolk.C. Wielsma, Een zestal zangen uit het Frysk Lieteboek. In ’t Nederlandsch overgezet door C. Wielsma (Van der Spoel, Grou 1906), s. 12.

Ferskriftliking en ferboargerliking

Wat wy no sjoen hawwe, is dat der sprake liket te wêzen fan twa kear in perioade fan maatskippijkrityske aksinten (1867-sa. 1886; 1895-1899), beide kearen folge troch in perioade fan polityk neutraler realisme en ferboargerliking (1888-1894; 1901-1906). Wat opfalt is dat dizze golfbeweging in parallel sjen lit mei de ûntjouwing fan it ledetal fan it Frysk Selskip. Dat groeide fan sa. 125 yn it begjin fan de santiger jierrenGoffe Jensma, Het rode tasje van Salverda. Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Fryske Akademy, Ljouwert 1998), s. 251. ta 487 yn 1888. It jier dêrnei sette ûnder ynfloed fan ekonomyske krisis en emigraasje in delgong yn dy’t oantemei it midden fan ’e njoggentiger jierren duorre hat.Grafyk yn Goffe Jensma, ‘Meartaligens en autonomisearring fan de Fryske literatuer om 1900 hinne’, Us Wurk 66 (2017), s. 155. Yn de njoggentiger jierren koste de maatskiplike ‘hands off policy’ it Selskip faaks leden, wylst tsien jier letter inselde soart neutraliteit de opflecht fan it Selskip yn alle gefallen net yn ’e wei stie.

De lêste jierren fan de njoggentjinde ieu litte mear yn it algemien in kultureel wer oplibjen sjen nei de krisisjierren. Sawol yn Fryslân sels as fia nije Fryske kriten om utens kamen der fan 1899 ôf, earst ûnder foarsitterskip fan Waling Dykstra en dêrnei ûnder dat fan Cornelis Wielsma, yn heech tempo wer hieltyd mear leden. Yn 1908 wiene it der al oer de 1600; mear as in ferdûbeling yn seis jier tiid. Dy ûntjouwing giet sawat lykop mei it trochbrekken fan de ferskriftliking yn de Fryske literatuer nei 1900, om ynearsten yn 1915 te kulminearjen yn de avantgarderetoryk oer ‘persoanlike’ keunst fan Douwe Kalma, dêr’t it no foaral lêzende publyk by wize fan sprekken ‘klear foar wie’.Goffe Jensma, ‘Meartaligens en autonomisearring fan de Fryske literatuer om 1900 hinne’, Us Wurk 66 (2017), s. 150. Mar yn de Angelsaksyske literatuer wiisden de literatuerfernijers Ezra Pound en T.S. Eliot (mei syn ‘Impersonal theory of poetry’) om deselde tiid hinne it dogma fan de ‘persoanlike keunst’ al ôf as in karakteristyk fan de ‘bad poet’, dy’t ûnbewust is fan wêr’t er him as dichter bewust fan wêze moat.T.S. Eliot, ‘Tradition and the individual talent’, yn: Ib., The sacred wood. Essays on poetry and criticism (Alfred A. Knopf, New York 1921), s. 17: ‘In fact, the bad poet is usually unconscious where he ought to be conscious, and conscious where he ought to be unconscious. Both errors tend to make him “personal”. Poetry is not a turning loose of emotion, but an escape from emotion: it is not the expression of persoanlity, but an escape from persoanlity. But, of course, only those who have personality and emotions know what it means to want to escape from these things.’ It essay waard foar it earst publisearre yn 1919. Webside: http://www.bartleby.com/200/sw4.html. Krigen 24 febrewaris 2018.

Wat net ferjitten wurde moat, is dat de ferboargerliking in literêre ferskowing fan sosjaal-ideologyske aard betsjutte. Oan it oeuvre fan Wielsma is te sjen dat yn de tachtiger en njoggentiger jierren fan de njoggentjinde ieu noch foar sawol lêzers as harkers skreaun wurdt, mei oare wurden, wat as literatuer sjoen wurdt is breder en ornearre foar mear soarten publyk en publyksrollen. It ûnderein fan dat spektrum ferdwynt nei 1900 – of nei 1901, it stjerjier fan Meindert Rozenga – it populêre Frysktalich toaniel yn en makket de oerstap nei de skriftlike literatuer net. Wielsma syn ‘Rymkes’ kieze de skriftlike rûte: se sprekke in oar publyk oan en nimme ideologysk in oare posysje yn. De ideale lêzer dy’t er foar de ‘Rymkes’ betinkt hat in bettere oplieding, in oare world view en in oar wearde- en noarmestelsel as de minsken dy’t har noch gjin tsien jier earder ta de bûsen út fermakken mei de Wâldpiken ‘Sjoerd en Rein’. De krityske en emansipatware ynset fan de âldere gedichten, en fan de sekundêr-orale Twadde Winterjounenochtteksten út ’e tiid fan Rozenga en Molenaar, is fierhinne ferdwûn. De ‘Rymkes’ binne lêsfersen foar de konservative boarger.

Dêrmei liket it wurk fan Wielsma in befêstiging te jaan fan de hypotese. De modernisearring fan de Fryske literatuer hat in ôfnimmen fan maatskippijkrityk fan gefolgen.In proses dat ek yn de tweintichste ieu yn de sosjology oan yndividualisearring taskreaun wurdt. J. Peters, Individualisering en secularisering in Nederland in de jaren tachtig (Instituut voor Toegepaste Sociale Wetenschappen, Nijmegen 1993), s. 14: ‘Individualisering op het gebied van waarde-orientaties betekent concreet een afname van (..) maatschappijkritiek en een toename van economische burgerlijkheid en hedonisme.’ It literêre omtinken foar maatskiplike spanningen ferleit him nei 1890 stadichwei nei de dynamyk fan skriftlike kommunikaasje, wat op it sosjo-politike nivo in konservative ferboargerliking betsjut. Dêrby heart net mear de aktuele taharker, mar in lêzer dy’t him oan nij noarmen konformearret, mei yn alle gefallen skoalle en oanlearde feardichheden genôch om tekstuele abstraksjes folgje te kinnen: de boargerman. Mar ek giet in minderheidstalige, ferpyldere en ferskriftlike taalstridersliteratuer kontroversjele sosjaal-politike posysjes it leafst út ’e wei, en jout krekt dêrom alle romte oan literêre trivialisearring en nostalgy. Tusken de peareltsjes befolket in ûneinich oantal saaie folksferhalen oer minsken of barrens út it ferline de siden fan Sljucht en Rjucht. Wielsma skriuwt fan 1906 oantemei 1915 oan syn rubryk Om yen hinne yn de Leeuwarder Courant, in losse samling sjarmante en grappige, mar ûnskealike proazakouterij mei sitaten út eigen, soms âlder dichtwurk.

Likegoed kinne yn Sljucht en Rjucht, Forjit my net! en Swanneblommen ek stadichwei lyryk, psyche, myte en metafysika de romte krije dy’t der yn sekundêr-orale tiden sa’n bytsje wie. De skriuwerij fan J.B. Schepers, Jan Jelles Hof, Simke Kloosterman, Obe Postma en Reinder Brolsma wurdt mooglik. De literêre wrâld yndividualisearret, mar elitisearret ek. Der komme strangere, útslutende taal- en keunstnoarmen oan. De earste skuor yn dit úteinlik net mear byinoar te hâlden boargerlik Frysk Selskipsfront komt yn 1908 mei de oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip. It betsjut op ’e nij in literêre omkear. Mar dat is in oar ferhaal.

*

Mei tank oan Koop Scholten, fan wa’t ik yn 2017 doazen fol Fryske literatuer en literêre tydskriften krige, fan him en út de bibleteek fan syn heit, de FLMD-konservator (1959-1969) Marten Scholten. Ek sieten dêr oantekeningen fan Koop Scholten syn hân by oer it wurk fan Cornelis Wielsma.

Noaten

  1. Sjoch Jan Bank en Maarten van Buren, 1900. Hoogtij van burgerlijke cultuur (Sdu, Den Haag 2000).
  2. Werner Sombart, Der Bourgeois (Duncker & Humblot, München/Leipzig 1913-1920), s. 23-25.
  3. James C. Kennedy, Nieuw Babylon in aanbouw. Nederland in de jaren zestig (Boom, Amsterdam/Meppel 1995), s. 13-14.
  4. Th. Adorno, Aesthetic theory (Continuum, Londen/New York 1997), s. 209.
  5. Goffe Jensma, ‘Meartaligens en autonomisearring fan de Fryske literatuer om 1900 hinne’, Us Wurk 66 (2017), s. 148. Mei sekundêr-orale literatuer wurdt literatuer bedoeld dy’t ornearre is om foarlêzen of foardroegen te wurden. Foar in yngeande behanneling fan formele en ynhâldlike ferskillen mei literatuer dy’t inkeld bedoeld is om te lêzen, sjoch Walter J. Ong, Orality and literacy. The technologizing of the word (Routledge, New York 1982, 2002). Foar in earste tapassing op njoggentjinde-ieuske Fryske literatuer, sjoch Nienke-Jet de Vries, Fan Selskip nei mienskip. Masterskripsje RUG, 2014.
  6. Sjoch Peter Bürger, Theorie der Avantgarde (Berlin, Suhrkamp 1974).
  7. Jensma (2017), s. 158.
  8. Terry Eagleton, Literary theory. An introduction. Second edition (4e pr., Blackwell, Londen 2003), s. 10.
  9. Sjoch noat 6.
  10. Walter J. Ong, ‘The writer’s audience is always a fiction’, PMLA 90-1 (Jan. 1975) 9-21, s. 11.
  11. Ib., s. 10.
  12. Ib., s. 15.
  13. Adorno (1997), s. 7.
  14. Ib., s. 14.
  15. Bank en Van Buuren (2000), s. 18.
  16. Wessel Krul, ‘Het fin-de-siècle als vertoning’, BMCN 117-4 (2002), 519-525, s. 520.
  17. C. Wielsma, Een zestal zangen uit het Frysk Lieteboek. In ’t Nederlandsch overgezet door C. Wielsma (Van der Spoel, Grou 1906).
  18. Jan Piebenga, Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennise (1938; 2e pr. Laverman, Drachten 1957), s. 182-183: ‘Mar mear as folksskriuwer is er dochs ek yn syn (..) moaije berneferskes - der binne nei him hast gjin bettere skreaun.’ Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer (1977; 2e pr. Afûk, Leeuwarden 1997), s. 64: ‘(..) aardige berneferskes (‘Us Bijke’ bygelyks).’
  19. J. van der Weg-Laverman. ‘”In bern leart net in bît, as hy gjin îwer het”. Fryske bernelyryk yn de 19de ieu’, De Vrije Fries 69 (1989); Ib., ‘Van Alphen en Gouverneur in Friesland’, Literatuur zonder leeftijd 7 (1993).
  20. Piebenga (1957), s. 182.
  21. Dykstra en Oldenhof (1997), s. 64. De opmerking sit der neist; sjoch myn essee oer Meindert Rozenga, mei Wielsma de grûnlizzer fan it Twadde Winterjounenocht.
  22. Tineke Steenmeijer-Wielenga, ‘Meer literatuur voor meer mensen. Van 1822 tot 1915’, yn: Teake Oppewal e.o., Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur (Bert Bakker, Amsterdam 2006), s. 88.
  23. F. Buitenrust Hetttema, ’Friese literatuer IX’, Leeuwarder Courant (26 oktober 1903).
  24. [J.J: Hof], ’C. Wielsma †’, Nieuwsblad van Friesland (6 jannewaris 1922).
  25. It Heitelân 5-4 (28 jannewaris 1922).
  26. O.H. Sytstra, ’C. Wielsma’, It Heitelân 5-4 (28 jannewaris 1922), s. 40.
  27. Mei de wurden: ’Der is in sterke bân, dy’t ús allegearre forienet, to sizzen de ljeafde for ús taal.’ S. v.d. Burg, ’Ald-foarsitter Wielsma’, It Heitelân 5-4 (28 jannewaris 1922), s. 41.
  28. J.J. Hof, ’Wielsma syn Frysk’, It Heitelân 5-4 (28 jannewaris 1922), s. 42.
  29. R. W. Canne, ‘C. Wielsma’, It Heitelân 8 (1926), s. 110-111, 122, 134-135, 146-147, 158-159, 173-174, 182-183, 195-196, 208-209, 220-221, 266-267, 278-280.
  30. Canne, Heitelân 8-18 (1 maaie 1926), s. 208.
  31. De stien hat as opskrift: ’Hjir libbe en stribbe Master C. Wielsma foar Fryske tael en frije Fryske sin’. ‘Master Wielsma: Frysk skriuwer bitocht’, Nieuwsblad van Friesland (3 jannewaris 1949); ’Master Wielsma betinking’, Frisia (7 jannewaris 1949).
  32. G. Jelsma, ’Twa revolusjonaire toanielskriuwers út de ein fan de foarige ieu’, It Beaken 44-5/6 (1979) s. 291-310; S.J. van der Molen, En ús Harke mei syn kleare kop. (60 jier Fryske Winterjûnenocht) (Lykele Jansma, Stynsgea/Stifting FFYRUG, Grins 1984). Mear as tritich jier earder hie Van der Molen al wiisd op de bysûndere kwaliteiten fan Wielsma as Winterjounenocht-skriuwer op in lêzing foar it Snitser Frysk Forbân mei de titel ’Fan Winterjounenocht ta Frysk cabaret’. Ferslachje yn De Heerenveensche Koerier (20 febrewaris 1951).
  33. Van der Molen (1984), s. 85.
  34. Advertinsje yn Recht voor allen (3 maaie 1890).
  35. Sit. yn: ‘Friesland 1813-1863: beeld van veranderingen’, Leeuwarder Courant (17 desimber 1963).
  36. Iduna (1867), s. 96.
  37. Ib., s. 81-83.
  38. Forjit my net! 2 (1872), s. 90-91.
  39. Forjit my net! 3 (1873), s. 141-142.
  40. Forjit my net! 5 (1875), s. 125-126.
  41. Forjit my net! 7 (1877), s. 77-78.
  42. Sit. yn Leeuwarder Courant (4 maart 1907).
  43. P.J. Troelstra, O.H. Sytstra en T.E. Halbertsma, red., It jonge Fryslân (Hepkema, Hearrenfean 1882), s. 113-114.
  44. Iduna (1868), s. 154-155.
  45. C. Wielsma, Foar de bern (Heerenveen, Hepkema 1886).
  46. C. Wielsma, Seis brilloftsankjes op bikende wizen (Bouma, Grou 1887).
  47. Mear oer it Twadde Winterjounenocht yn: Abe de Vries, “‘Fryslâns fee is hearefee, Fryslâns grûn is hearegrûn”’. Meindert Rozenga en de Fryske literatuer’, Fers2 4-1 (2018). Webside: http://www.fers2.eu/fryslans-fee-is-hearefee-fryslans-grun-is-hearegrun/. Krigen 27 jannewaris 2018.
  48. C. Wielsma, M. Rozenga, D.H. Zijlstra, S. v.d. Burg en Jm. Nieuwenhuis, Fryske foardrachten en sangkjes (Van der Velde, Ljouwert 1895), s. 5.
  49. Ib., s. 13.
  50. Ib., s. 41-42.
  51. C. Wielsma, M. Rozenga en S. Molenaar, Fryske Winterjounenocht. Foardrachten en Sangen (Van der Velde, Ljouwet 1897), s. 6.
  52. Ib., s. 51.
  53. ’De slach’ en ’Elk syn liet’ binne te finen yn: C. Wielsma, Ald en nij. Foardrachten (Van der Velde, Ljouwert 1902).
  54. C. Wielsma, Ald en nij. Foardrachten (Van der Velde, Ljouwert 1902). Neffens in by Tresoar bewarre bleaun kontrakt mocht de útjouwer der tûzen eksimplaren fan printsje. Dat kin goed ek de oplaach west hawwe fan de eardere foardrachtboekjes fan Van der Velde, mar dêr ha ’k gjin oplaachsifers fan oantroffen.
  55. Ib., Op ’e planken en foar ’t boerdtsje (Van der Spoel, Grou 1904-1906). Rige los útjûne foardrachten: ’By Hinke Kaert’, ’Yn ’t stasjon to Wilsterhuzen’, ’Under de letters’, ’Jan en Griet’, ’Hwet de post bringt’, ’It Aprilfeest to Marswier’, ’De brêgerie’, ’Yn goede ierde’, ’Nûmer 13/Fleurige Nynke’.
  56. Sjoch Abe de Vries, ‘Fryslâns fee is hearefee, Fryslâns grûn is hearegrûn’, Fers2 4.1, 14 jannewaris 2018. Web. http://fers2.eu/fryslans-fee-is-hearefee-fryslans-grun-is-hearegrun/.
  57. Nieuwsblad van Friesland (29 novimber 1902). It sinjalemint sil fan J.J. Hof wêze. Ek earder: ‘Verval van kunstsmaak’, Nieuwsblad van Friesland (6 septimber 1902). En letter: ’Praetsjes yn en oer ’t Frysk XIX’, Nieuwsblad van Friesland (24 juny 1905): ’(..) hwet humor den einliks is, lykje folle Friezen net to witten, en dêrom laeitsje se hjar slop om leffe forhaeltsjes oer frijery, en om ’t rouwe en grouwe det ytlike skriuwers en foardragers opdist ha en yet opdisse.’ Mar Wielsma heart dêr net by: ’Master Wielsma tsjucht it gewoane in humoristysk pak oan. Hy wit in sljuchtwei ding sa to fertellen det it hwet bûtenwenstichs wirdt. Syn krêft leit yn ’t forarbeidzjen, yn ’t omstâllen fen ’e stoffe.’
  58. ‘Vertaalde Friesche liederen’, Leeuwarder Courant (18 novimber 1905).
  59. Resources Huygens. Webside: http://resources.huygens.knaw.nl/bwn1880-2000/lemmata/bwn4/hem. Krigen 31 jannewaris 2018.
  60. C. Wielsma, ‘Een woord vooraf / In wird foarôf’, yn: Wielsma (1906), g.s.
  61. ‘Koninginnedag te Leeuwarden’, Leeuwarder Courant (2 septimber 1908).
  62. Ibidem.
  63. Wielsma (1906), s. 12.
  64. Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda. Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Fryske Akademy, Ljouwert 1998), s. 251.
  65. Grafyk yn Jensma (2017), s. 155.
  66. Ib., s. 150.
  67. T.S. Eliot, ‘Tradition and the individual talent’, yn: Ib., The sacred wood. Essays on poetry and criticism (Alfred A. Knopf, New York 1921), s. 17: ‘In fact, the bad poet is usually unconscious where he ought to be conscious, and conscious where he ought to be unconscious. Both errors tend to make him “personal”. Poetry is not a turning loose of emotion, but an escape from emotion: it is not the expression of persoanlity, but an escape from persoanlity. But, of course, only those who have personality and emotions know what it means to want to escape from these things.’ It essay waard foar it earst publisearre yn 1919. Webside: http://www.bartleby.com/200/sw4.html. Krigen 24 febrewaris 2018.
  68. In proses dat ek yn de tweintichste ieu yn de sosjology oan yndividualisearring taskreaun wurdt. J. Peters, Individualisering en secularisering in Nederland in de jaren tachtig (Instituut voor Toegepaste Sociale Wetenschappen, Nijmegen 1993), s. 14: ‘Individualisering op het gebied van waarde-orientaties betekent concreet een afname van (..) maatschappijkritiek en een toename van economische burgerlijkheid en hedonisme.’

Mear fan Abe de Vries

‘Krysttiid 1899’ of it stjonkbedriuw fan de grutten
In Ried foar de Keunst (podcast) Gerrit Breteler: de wearde fan keunst is net ‘men betellet der fet foar’
Wol keunst wier ferskaat? (podcast) Systematysk harkje (@Amanda Gorman @Zaïre Krieger) nei de útranzjearre minderheden sit net yn ús ynstituten
Keunst is altyd polityk (podcast) Gerrit Breteler oer synergy mei it publyk
It sweverige wurd ‘spiritualiteit’ (podcast) Marty Poorter wol net útlizze
Mimesis (podcast) Keunst is gjin keunstsjes, seit Elmar Kuiper
Keukenstafelpetearen de alderearste fryske keunstpodcast
De Hylkje Goinga Priis foar Frysktalige Literatuer In trochstart fan de fallite Gysbert!
De treastpoezen fan it Frysk (it frysk is sa hoopfol en de minsken snappe it net)
De sosjale kosten fan fergriemen It neoliberalisme lit jo foar alles opdraaie
1 2 3 4 5 6 7 8 9